Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 372]
| |
It foroare byldUntjowing nei aktive kultuerpolityk - Breder ekonomyske grounslach - Mear wurdearring foar de Fryske tael - It rapport-Van Ommen - It Frysk gewoan learfak op 'e skoallen - Waeksdom fan de Fryske Akademy - Frysk Genoatskip tobek op in smelle basis.Dat alles oars wie nei de twadde wrâldoarloch hat ek de Fryske bifolking stadichoan wol foar de geast krige. Hast ûngemurken blykte it Frysk idéalisme yn it neigean rekke to wêzen. In echte jeugdbiweging kaem net wer op. De ûnthâldersforieningen bistiene noch wol en gyngen ek wol wer oan it wurk, mar de wjerklank by de minsken wie fierhinne fordwoun. De Selskippen mei al har leden fornamen sa neigeraden dat hja net mear yn de âlde spanningsforhâlding stiene foar de oerheit en biskate maetskiplike krêften oer. Hja hiene in eigen taek hawn yn in tiid doe't hja achte waerden it tsjin in stikje maetskiplike oarder yn 'e kant to setten en doe't de oerheit har op it kulturele mêd fierhinne ôfsidich hold. Fryslân hie lange jierren in moai konservatyf biwâld hawn, dominearre troch Van Harinxma. Hy hie Fryslân sjoen as in lân fan boeren en skippers. De boeren hiene bilang by forbettering fan de kwaliteit fan har groun troch in forstannige wetterskipspolityk en in goede ôfwettering. Foar de skipperij moasten de farwetters goed ûnderholden en oanpast wurde. De kultuerpolityk bistie yn it subsydzje foar it Frysk Museum en it jild foar de Provinsiale Bibliotheek. De f 7.000 foar de Underwysrie dy't der sûnt 1928 bykaem, wie foar Van Harinxma al in bûtensprong, dêr't de provinsje, ek al yn it bilang fan oarder en rêst, net earlik foar wei koe. Mar it bitsjutte winlik gjin foroaring yn syn opfetting oangeande de biheinde taek fan de provinsiale oerheit. En doe't de Fryske Akademy yn 1938 fan de groun kaem wie it nijsgjirrich om to sjen mei hoe'n bytsje jild it provinsiael bistjûr tocht dat dy ta koe. Van Harinxma syn stânpunt dat de wet de provinsjes nou ienkear koart hold en dat de Steaten har wol tsienris bitinke moasten ear't hja har bûten it âldbiwende mêd bijoegen, hie troch de bank wol de oerhân holden, al hiene de Steaten him net altyd folge. Yn elts gefal wiene de Fryske Steaten nea takommen oan it forkennen fan har eigen mooglikheden. Hja sieten net to rom yn it jild, mar it makke dochs hiel hwat út oft in provinsiael bistjûr, ynpleats fan him oan in minimum-program to hâlden, ré wie om ek bilangen en taken to sjen bûten de tradisionele gebieten. | |
[pagina 373]
| |
Prof. Brouwer en H.K. Schippers by de útrikking fan de Gysbert Japikspriis yn 1947 oan Obe Postma. Alhiel lofts dr. P. Sipma.
(Foto Hein Faber) Nei 1945 kaem der foroaring, yn de provinsje en yn de gemeenten, en fansels net allinne yn Fryslân. Mar hjir wie de efterstân navenant greater as yn de measte oare provinsjes, dêr't it biwâld minder bihâldend west hie en de stedsbistjûren fan âlds mear yn to bringen hawn hiene. It wie binammen de kultuerpolityk dy't mear omtinken krige. It die al gau bliken dat it brûken fan de Fryske tael yn Steaten en rieden mear wie as mar sa'n aerdichheitsje; it hearde by it bisef noed stean to moatten foar in kostber stik eigen geastlik bisit. De Fryske Steaten stelden yn jannewaris 1947 de Gysbert Japiks-priis foar Fryske literatuer yn en yn july fan datselde jier de Joast Halbertsma-priis foar wurk op it mêd fan Fryske skiednis en geakunde. Noch dúdliker joegen hja blyk warders fan de Fryske kultuer wêze to wollen yn 1949, doe't hja mei in subsydzje fan f 39.000 foar de Fryske Akademy dat ynstitút einlings fiks op gleed holpen. It Akademybistjûr hat doe al gau dr. Willem Kok bineamd ta direkteur. Hy wie learaer klassike talen, mar ek foarsitter fan de Underwysrie; yn de Akademy immen fan de earste ûre en al earder in foaroansteand man yn it Kristlik Selskip. Wurk krige er genôch; de Akademy stie winlik noch oan it bigjin. It is al earder sein: oerheit en Fryske biweging skouden yn mekoarren. | |
[pagina 374]
| |
Yn de sechstiger jierren hat der aksje west fan it provinsiael bistjûr yn de mande mei de Fryske biweging om it regear to oertsjûgjen dat de Lauwerssé ôfsletten wurde moast. Fierst spearsoerd hat west in demonstraesje op it Haechske Binnenhof dêr't in hiele rige Fryske foaroanmannen oan meidie. It doel wie twadderlei: mear feilichheit en bettere libbensmooglikheden yn in gebiet dêr't it tal biwenners elk jier weroan mindere. *
De Steaten waerden neigeraden in stik fan de Fryske biweging; nêst, mar ek yn it plak fan de Selskippen. Hie it net earder kinnen en moatten? In ûnnutte fraech. De feiten binne nou ienkear dat de liberale opfetting oangeande de oerheitsûnthâlding op kultureel gebiet yn de Fryske Steaten noch lang neiwurke hat en dat nei de omkear yn de politike forhâldingen oan it bigjin fan de tweintiger jierren by de kristlike partijen de lear fan de souvereiniteit yn eigen rounte en by de sosialisten it stribjen nei materiële forbetteringen ynearsten frijhwat de oerhân hiene. It hat wol sa west dat earst noch de lange en bittere bisettingstiid nedich wie om by de Fryske partijkaders hwat klearrichheit to bringen oer de funksjes en it rjochtlik plak fan de Fryske kultuer. Hat hwat de wetjowing oanbilanget it desintralisaesjestribjen fan nei de bifrijing gjin sukses hawn, it hat grif wol meiwurke oan de foroaring fan de geast, dêr't it stribjen út fuortkommen is om út de bisteande wetten to heljen hwat der yn siet. Der wie nammers ek mear jild, binammen as rekkene waerd neffens de earmoede fan de krisisjierren. It wie allegearre oars as foarhinne. It salang stilsteande Fryslân kaem einlings yn biweging. It is net oerdreaun om to sizzen dat yn de fearnsieu nei 1945 yn Fryslân | |
[pagina 375]
| |
mear foroare is as yn de hiele ieu dêrfoar. Yn it foarste plak hat Fryslân in (biskieden) diel krige fan de yndustrialisaesjeweach. Yn it twadde plak is yn de fébuorkerij, tweintich ieuwen it founemint fan Frysk folksbistean en folkslibben, in soarte revolúsje op gong kommen. De skaelforgreating giet lykop mei it oerstallich wurden fan in great part fan de arbeiders, feinten en fammen dy't sa lang heard hawwe by de hiërarchy fan de greidpleats. De gefolgen fan de ûntjowingen binne mar al to bikend: útwreiding fan de greatere plakken dêr't de yndustry har delset, en forfal fan de lytse doarpen, dy't mei har tsjerke en har skoalle en har oanpart oan it forieningslibben altyd dochs it kultuerpatroan fan Fryslân sa tige mei biskaet hawwe. En noch in trêdde forskynsel moat neamd wurde, dat fan de saneamde sub-urbanisaesje: it har nei wenjen setten fan húshâldingen út stêdden en oare sintrums yn de omlizzende doarpen, hwat wolris safier giet dat hja de dêr sittende bifolking oer de holle waekse. De migraesje-statistyk is fiks foroare. Foarhinne kaem it yn haedsaek altyd op itselde del: in duorjend ôfdreagjen fan de Fryske bifolking by brek oan foldwaende en gaedlike oanslach en in berte-oerskot dat sa likernôch foar in lykwicht yn de siferbalâns soarge. Ek nou rekket Fryslân noch gâns minsken kwyt, mar der is tagelyk in tsjinstream op gong kommen, bigryplik binammen om't fan bûten kommende yndustry fakentiden har eigen faklju meinimt en útwreidzjende yndustry der wolris om utens om útsjen moat. Mannen as Douwe Kalma en Eeltsje Folkertsma hawwe foargoed each hawn foar de needsaek fan it forsterkjen en forbreedzjen fan de Fryske ekonomy, mar hawwe har sa'n ûntjowing nei alle gedachten foarsteld yn deselde bislettenens as dêr't de Fryske boeren mei har bounen en koöperaesjes altyd yn wurke hawwe. Sa't it him ûntjown hat nei 1945 is de tradisionele bining fan de Fryske biweging oan in biskaet sosiael-ekonomysk byld lykwols yn ûnstjûr rekke. It har nei wenjen setten fan net-Friezen en fan stedfriezen yn sûnt minskehûgenis homogeen-Fryske taelgebieten, giet gelyk op mei de forswakking fan it fan âlds taelmeitsjende en taelhoedzjende diel fan de bifolking op har greidpleatsen. Binammen de âldere minsken dy't noch witte hoe't it earder wie en noch libbe hawwe mei de literatuer en it toaniel fan it boerelân moatte har wol ôffreegje hwer't dat hinnegiet. It liket slimmer as it is. It wie driuwend nedich dat de tael en it folkslibben weihelle waerden út it greidpleatse-isolemint. Dy posysje wie winlik faeijer as de nije tastân, hwerby't hja yn de stream kommen binne en op 'e nij har bisteansrjocht to biwizen hawwe. De Selskippen hiene it ditkear nei alle wierskyn net oprêdden. Mar mei de Fryske kultuer as saek | |
[pagina 376]
| |
fan duorjend omtinken fan de provinsiale oerheit en mei de organen dy't fan it bihâld en de útbou fan dy kultuer har wurk meitsje, is der gjin reden om de moedfearren hingje to litten. Krekt op tiid hawwe de iepenbiere bistjûren, hegere en legere, bisleur krige oer de bitsjutting fan it yn in lange skiednis biwoartele eigen Frysk kultureel bistean. Fan it yn de sawntiger jierren yn in streamforsnelling rekke Frysk ûnderwiis sil fierderop mear sein wurde. It hat eigenskip earst gewach to meitsjen fan de nijsgjirrige foroaring yn de sosiale wurdearring fan it Frysk, dat sa lang gouwen hat as de tael fan de boer en de lytse man. It is alris earder sein en klinkt hwat nuver, mar nei alle gedachten hat de nederige posysje dy't it Frysk ieuwen hawn hat bydroegen ta syn bihâld. It holp ommers in sosiale hiërarchy yn stân to hâlden dy't ek de Hollânskpraters hanthavenje woene. De yntellektuelen en heal-yntellektuelen yn de Fryske biweging, dy't it oansjen fan de Fryske tael forheegje woene, gyngen dêrmei tsjin de maetskiplike oarder yn en moasten foargoed oppasse net foar rebelsk forsliten to wurden troch al to stiif yn de skuon to stean. Dêrfandinne de konflikten mei de rjochterlike macht en de kribbekeurichheden byhwannear't it Frysk heard waerd op plakken en by gelegenheden dêr't it achte waerd net to passen. De lêste tiden lykwols binne forskouwingen to merkbiten yn de âlde rangoarder. It Frysk makket in foege gisel nei boppen. Inkelde oarsaken binne wol to neamen. Ien derfan is dat it Frysk de earste fiertael is fan de Fryske Akademy, in wittenskiplik sintrum ek foar gâns lju fan net-Fryske komôf. Soks bitsjut dat it Frysk komt yn formiddens dêr't it yn earder tiid fierhinne hosk wie. In twadde oarsaek is de trochbraek fan it Frysk yn Steaten en rieden. It is dêrmei bistjûrstael wurden, in feit dat net allinne de Fryskpraters twingt har mei ynmoed op 'e tael út to lizzen, mar tagelyk de net-Fryskpraters en it hiele amtlik apparaet weiskuort út de wiere of ûnwiere steat fan Frysk-ûnkundigens. Yn elts gefal is it sjesa, dat it net allinne mear de mindere man en de boer binne dy't it Frysk yn stân hâlde. Der bisteane hjoed de dei net to ûnderskatten rounten fan politike foarmannen, bistjûrsamtners, lieders fan bidriuwen en lju yn yntellektuele biroppen dy't har frijmakke hawwe fan de âlde hiërarchike kode en frijmoedich oeral hwer't dat kin it Frysk foar kar nimme. En al is de omkear noch fier fan folslein, de tekens binne dochs dúdlik. De wjerstân sit noch binammen yn it middenskift, dat it Hollânsk as middel foar it ophâlden fan syn stân net graech slûpe litte wol. Mar it is ek yn de stêdden wol safier dat hast yn alle winkels de Frysk pratende klant yn syn eigen tael to wurd stien wurdt. Goed Frysk ûnderwiis heart by de nije styl. Simpele sielen hawwe as | |
[pagina 377]
| |
Foarbyld fan in Fryske lêsplanke. De earste hat it wurk west fan juffer Wike Zylstra op 'e Rottefalle, dy't ek op oare wize warber west hat op it mêd fan de methodyk fan it Frysk ûnderwiis. Lettere lêsplanken komme fan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy. *
argumint tsjin it Frysk fakentiden neamd it feit dat safolle Friezen it net iens lêze en skriuwe koene. Mar lêzen en skriuwen waeit in soad minsken nou ienkear net oan. Hwa soe it harren leard hawwe? Der is al in soad sein oer de kursussen bûten de skoalûren fan it Selskip en letter fan de AFUK; mar men bisaut jin as men sjocht hoe'n bytsje bern dêr oan dielnommen hawwe. Dúdlike forbettering is der pas kommen sûnt 1937, doe't it wetsje-Slotemaker de Bruïne hwat Fryske les op de legere skoalle yn de gewoane ûren mooglik makke. Doe is in jiermannich nei de bifrijing it tiidrek fan de proefskoallen bigoun mei it Frysk as fiertael yn de earste learjierren. Dit wie in foarútgong, nuttich ek om't it de gelegenheit joech wjerstannen to mjitten. Dizze wjerstannen wiene almeast sosiael (al waerd dat dan net planút sein) en dêrtroch emosioneel, om't it sentimint swierder woech as it argumint. Likegoed is op in tal skoallen it eksperimint der troch mislearre. Doe't yn 1955 de wet-Cals der kaem, wie oan it skandael dat de Friezen op skoalle har eigen tael net learden to lêzen en to skriuwen, noch lang gjin ein kommen. De wet-Cals neamde it Frysk as fak, sadat it net mear foel ûnder de sleauwe omskriuwing fan ‘streektaal in levend gebruik’. Dat wie mear as in tekstforbettering; it bitsjutte dat it ryk de konsekwinsjes op him naem dy't nou ienkear forboun binne oan it ûnder- | |
[pagina 378]
| |
rjochtsjen fan learfakken dy't de wet opsommet. Ien fan dy konsekwinsjes is al neamd: alle Fryske ûnderwiis-akten waerden rykssaek. In oare konsekwinsje wie de forantwurdlikens dy't it ryk krige foar de kwaliteit fan it Frysk ûnderrjocht. Hjir tekent de nije styl him dúdlik ôf. Der is reden de nammen L.F. Kleiterp en Roelof Sipkens to neamen: de iene haedynspekteur fan it leger ûnderwiis foar it noarden en de oare ynspekteur fan it leger ûnderwiis to Snits. Binammen dizze beide mannen hawwe nei 1945 mei ynsjoch en fordrach op pedagogysk-didaktyske grounen der oan meiwurke it Frysk ûnderwiis as diel fan syn fornijingsstribjen in earlik en rjochtlik plak to jaen. Neffens de wet-Cals wie it Frysk learfak en koe it fiertael wêze, mar bleau it fakultatyf. Soks bitsjutte dat it yn de ûnderwyspraktyk noch wol foar ebbe eb floed lizzen bleau, oerlevere, lyk as wy sjoen hawwe, fakentiden mear oan emoasjes as oan it reedlik en saeklik oardiel. Dat hat lykwols net bihinderje kinnen dat oan it bigjin fan de sawntiger jierren Frysk ûnderwiis jown waerd yn sa likernôch de helte fan de skoallen dy't dêrfoar yn de bineaming kamen. Underwilens wie de druk op Den Haech tanommen om it Frysk ta in gewoan en forplichte learfak to meitsjen. By de bikende arguminten hie stadichoan noch in oare oan gewicht woun: it binne dejingen dy't nei de legere skoalle net sa lang en net sa folle mear leare dy't it bilije moatte as hja har omgongstael net of net goed lêzen en skriuwen leard hawwe. It hat binammen M.J. de Haan, learaer oan de pedagogyske akademy to Ljouwert, west dy't dêr yn in brosjuere en ytlike krante-artikels de klam op lein hat. Provinsiael bistjûr (binammen de warbere Deputearre Piter van der Mark) en Underwysrie hawwe der oan ien wei efteroan sitten en ek forskate Keamerleden spilen net swak by. De Ried fan de Fryske Biweging lykwols hat it west dy't yn 1968 mei in adres oan it regear de stjit jown hat ta it bineamen fan de kommisje-Van Ommen, dy't as taek krige rapport út to bringen net allinne oer it Frysk ûnderwiis, mar ek oer in hiele rige winsken en suggestjes oangeande help fan it ryk by bihâld en útbou fan de Fryske tael en kultuer. Om't it winlik om it lêstneamde gyng, stie de kommisje ûnder forantwurdlikheit fan de minister fan CRM, dr. Marga Klompé, mar fan it ûnderwiis-departemint sieten der dochs twa deskundigen yn, en ek justysje en binnenlânske saken hiene elk in fortsjinwurdiger. Dizze kommisje hat mei har bisykjen om in basis-forhâlding to finen tusken it Haechsk biwâld en de twadde Nederlânske kultuermienskip in stik bistien dat alteast foar Fryslân as histoarysk jilde mei. It rapport fan de kommisje, yn maeije 1970 útkommen, is opmerklik troch de wearde dy't it takende oan de Fryske tael en kultuer; mear as ea | |
[pagina 379]
| |
Piter van der Mark, de warbere Fryske Deputearre foar ûnderwiis en kulturele saken, dy't it oan 'e ein fan syn amtstiid noch bilibbe hat dat it Frysk forplichte learfak waerd.
(Foto Henk Kuiper) yn it forline Fryslân út Den Haech tawaeid wie. Navenant gyngen lykwols somlike konklúzjes net safier as forwachte wurde mocht nei de treflike skôgingen oer hwat de kommisje reedlik en rjochtfeardich achte. Dat it forhael oer de feitlike ûnmisberheit fan Frysk ûnderwiis net útroun yn de forklearring dat it Frysk tafoege hearde to wurden oan de normale forplichte learfakken wie in bytsje in anti-klimaks, forklearber allinne út kjellens fan de eigen moed. It hat lang om let de Twadde Keamer west dy't nei oanlieding fan dit rapport en de dêrby hearrende stikken de logyske konsekwinsje loek. Earst hat yn 1972 de Twadde Keamer de minister fan Underwiis yn in moasje útnoege, mei de tarieding fan de ynfiering fan it Frysk as forplichte learfak to bigjinnen. In jier letter is it Frysk yndied as forplichte learfak yn de wet kommen; fansels allinne foar de skoallen yn Fryslân. It regear hie it net útsteld, mar in amendemint fan mefrou Klaassens-Postema dêr't alles yn omskreaun wie krige algemiene meistimming. Der wie mar ien stim tsjin! De tarieding is it wurk wurden fan minister Van Kemenade, dy't yn 1973 yn it nije kabinet-Den Uyl, de portefúlje fan ûnderwiis krige. Hy hat it dien mei foarsje. Al yn juny fan dat jier ynstallearre hy in ‘projectgroep’, dy't de hiele matearje útwurkje moast. | |
[pagina 380]
| |
Twatalich leger ûnderwiis, binammen yn Fryslân: de earste Fryske útjefte fan de ‘Steatsprinterij’. Dit langer moai forneamde boekje fan Krine Boelens is ek yn it Hollânsk en letter noch yn in rychje oare talen útkommen. Twatalich ûnderwiis is gjin spesifyk Frysk probleem. *
Foarsitter wie haedynspekteur J. Sinnema; de leden wiene, bûten fortsjinwurdigers fan it departemint, almeast saekkundigen fan de Fryske Underwysrie en de Fryske Akademy. Dizze kommisje hat mar oardel jier nedich hawn foar in wiidweidich rapport dat de minister oannommen hat as paedwizer foar syn fierdere maetregels. De ynfiering fan it Frysk as forplichte learfak op de legere skoallen koe noch net daliks út ein gean. Der wie noch in fiks stik tarieding needsaeklik, foar in part bisteande yn oanfoljende oplieding fan it ûnderwizend personiel, mar ek om ré to wêzen mei de learmiddels en de methoaden, om't de tastân net foar alle skoallen gelyk is. Deputearre Steaten kinne ûntheffing fan de forplichting jaen, en fierder sille der wol forskillen bliuwe tusken it Frysk ûnderwiis yn de homogeen-Fryske gebieten en dat op 'e plakken mei moai greate net-Fryske bifolkingsdielen. As it mei it forplichte Frysk losgiet, sil it sahwat trijefearns ieu lyn wêze neidat de earste skrutene stappen dien waerden om de Fryske bern yn it lêzen en skriuwen fan har eigen tael to ûnderrjochtsjen. De wei nei de forplichting hat in ûnbidich langen ien west en de resultaten moatte ôfwachte | |
[pagina 381]
| |
Krine Boelens rikt syn brosjuere út oan minister Van Kemenade. Yn 'e midden drs. Freark Bergstra, foarsitter fan de Fryske Akademy.
(Foto Leeuwarder Courant) wurde. It Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy, oprjochte yn 1959 en ûnderwilens in selsstannich ynstitút wurden, hat lykwols soarge foar in fiks stik praktyske en wittenskiplike ûndergroun dêr't op boud wurde kin sawol by de oplieding fan ûnderwizers en beukerliedsters as by it Frysk ûnderwiis sels. Dizze spesifike saekkundigens hat it ek west dy't it mooglik makke minister Van Kemenade al nei oardel jier mei in treflik rapport to bitsjinjen. Fan de hân fan Krine Boelens, wittenskiplik amtner by it Pedagogysk Advysburo, is yn augustus 1975 as publikaesje fan it ministearje fan Underwiis en Wittenskip in nijsgjirrige brosjuere útkommen oer de wearde en de praktyk fan it twatalich ûnderwiis. It is in forhanneling, yn in Fryske en yn in Hollânske tekst, dy't net allinne oer Fryslân giet, frij is fan sentimint en dêr't oer it rjocht neat mear yn sein wurdtGa naar eind238.. It is dizze saeklike en moderne styl dêr't de emoasjes fan de tsjinstanners wol hast op stikken rinne moatte. Der is reden om to mienen dat it Frysk as gewoan forplichte learfak op 'e skoallen sahwat it wichtichste ding is dat de Fryske biweging oant nou ta biskrept hat. It Frysk hie ûnderwilens as karfak ek in plak krige yn it | |
[pagina 382]
| |
AFUK-kursussen foar net-Fryskkundigen wurde faek jown yn wenkeamers; in gaedlik plak om hinne to brekken troch folle ûnkunde en misbigryp.
(Foto Leeuwarder Courant) eksamenprogramma fan it algemien fuortset en tariedend wittenskiplik ûnderwiis. It is in mooglikheit dêr't al gebûk fan makke wurdt, mar dêr't it sukses fan yn de praktyk dochs wol tige ôfhinget fan meiwurking út de rounte fan de dosinten. Der bliuwt noch in soad to dwaen; it leit lykwols net mear allinne oan Den Haech. Foar Frysk ûnderwiis bûten skoalleforbân bliuwt de AFUK it orgaen by útstek. De AFUK rjochtet har binammen op Friezen dy't har tael hwat better leare wolle en op net-Friezen dy't ûnderrjochte wurde wolle yn tael, literatuer en skiednis fan de provinsje dêr't hja har nei wenjen set hawwe. De lêstneamden, net biswierre mei âlde ynlânske foaroardielen, binne fakentiden tankbere learlingen. Fan har kant is de bilangslelling langer sa great wurden dat de AFUK wolris op siik moat nei learkrêften om har allegearre yn kursussen ûnderbringe to kinnen. De AFUK hat noch wol in ûnderwiisakte dêr't hja foar opliedt, mar de measte (Fryske) kursisten nimme dochs diel oan de kursussen dy't foarhinne de folk- en gealeargongen hjitten en dy't opliede foar de Fryslân-diploma's (A en it hwat swierdere B). Der binne ek noch skriftlike kursussen foar deselde diploma's, dy't de AFUK ûnder har krige hat neidat it yn 1970 it Ynstitút Fryslân (oprjochte yn 1942 troch D. Nieu- | |
[pagina 383]
| |
wenhuis en E. Wijga) oernommen hie fan de doetiidske lieder Tabe Beintema. Dizze leargongen hawwe yn 'e rin fan de jierren ytlike tûzenen diplomearren ôflevere. Foar net-Friezen bistiet in apart eksamen, dêr't de klam hwat mear by leit op it mounling taelgebûk. De AFUK is nou in stifling; hja kriget har subsydzjes streekrjocht fan de provinsje en fan it ministearje fan CRM. Dat hâldt ek forbân mei it ûnderwilens foroare bistean fan de Fryske Underwysrie. Al yn 1967 hat dy to meitsjen krige mei it hiele ûnderwiis yn Fryslân en dus net mear allinne mei it Frysk ûnderwiis. Yn 1968 hat de Underwysrie noch wer in nij reglemint krige dy't him makke ta adfysorgaen yn fraechstikken op it mêd fan it ûnderwiis, ynklusyf dat yn de Fryske tael. Hy is fordield yn ôfdielingen foar de ûnderskate soarten fan ûnderrjocht. Sûnt 1968 is de bân mei de AFUK trochknipt en ek dy mei de yn 1966 oprjochte kommisje foar Taelbifoardering. De Underwysrie hat ek opholden it lichem to wêzen dêr't de bisûndere professoraten fan útgeane. In nije regeling dêrfoar is yn 'e maek. Gewoane learstuollen binne der (yn 1976) twa: Grins (mei it wichtich Frysk Ynstitút) en Amsterdam (Frije Universiteit). De earste Fryske heechlearaer oan de FU hat west Klaas Fokkerna (1898-1967), in kundich filolooch en linguïst dy't nijsgjirrige stúdzjes wijd hat oan it stedfrysk, mar ek goed thús wie yn de âldfryske teksten en boppedat in Fryske spraekkunst op syn namme stean hat. De funksje hat nei Fokkema syn forstjerren lang fakant west, mar der wiene twa waernimmers fan hwa't mei yngong fan 1977 dr. H.D. Meijering bûtengewoan heechlearaer wurden is mei in learopdracht foar it Aldfrysk, it Gotysk en it Saksysk en dr. Anthonia Feitsma bûtengewoan heechlearaer foar it Nij- en Middelfrysk. Heechlearaer yn Grins is sûnt bigjin 1977 dr. Niis R. Århammar as opfolger fan prof. W.J. Burna, dy't yn 1956 bineamd wie yn it plak fan dr. J.H. Brouwer en oan syn pensioen ta wie. Århammar is in Sweed dy't him yn't bisûnder útlein hat op it Noardfrysk, mar dy't foar de forskate ûnderdielen fan syn learopdracht it moai goed bimanne Frysk Ynstitút ta syn foldwaen hat. De Fryske Akademy is wurden hwat it Frysk Genoatskip nea wollen of kinnen hat. It is wier, sûnder subsydzjes fan provinsje, ryk en gemeenten wie it net slagge de biskieden útein sette Fryske wiuenskiplike ynstelling út to wreidzjen ta in orgaen dat nou de folsleine eastlike kant fan de Ljouwerter Doelestrjitte ta ûnderkommen hat, mar it hat hjir dochs ek in kwestje west fan it mei krêft en kriich útlizzen fan swetten dêr't it Genoatskip al syn libben foar stean bleaun is. It moaiste biwiis fan rneilibjen fan de hiele provinsje is levere yn 1957, doe't in krante-aksje yn in wyk- | |
[pagina 384]
| |
mannich samar in foech njoggentichtûzen goune opbrocht; ornearre foar in útwreiding fan it Akademygebou, dêr't it ryk ynearsten de ponge foar ticht hold. It ryk hat it wol mooglik makke, dat it Akademybistjûr yn 1956 in direktoraet fan twa man ynstelle koe: nêst dr. W. Kok foar it organisatoaryske, dr. J.H. Brouwer foar it wittenskiplike wurk. Brouwer, troch hwaens warberens yn Grins oan de universiteit it Frysk Ynstitút ta stân kommen is, hat yn Fryslân noch in jier of acht in wichtige bydrage jaen kinnen ta it wurk en de útbou fan de Akademy. Hy is mei 64 jier opholden en hie doe in libbensrin efter him: amtner, dichter en wittenskipsman, dy't winlik altyd yn tsjinst stien hie fan Fryske idéalen. It wurk fan de Akademy spilet him foar in part ôf yn wurkforbannen. Dat de Akademy de foarstap nommen hat foar in Bistjûrsskoalle in Agogyske Akademy en de Noardlike Leargongen foar de MU-akten is eat dat feitlik falt bûten it bistek fan dit forhael, mar it tsjûget yn elts gefal fan in warberens dêr't Fryslân foarhinne nou just net yn útblonk. Fan it great Frysk Wurdboek is al in tal letters printré. It is wurk dat gâns tiid ferget en dat, op útstel fan de kommisje-Van Ommen, nou hielendal foar rekken komt fan it ryk. In wichtich diel fan de wurksumheden fan de Akademy bistiet yn it útjaen fan boeken. It Akademy-vignet stie yn 1976 op sa'n 500 boeken, wichtich, nijsgjirrich, great en lyts, dêr't it utersté net wis fan is oft se oars ûntstien wiene of alteast it ljocht sjoen hiene. De Akademy hat ek sines dien ta de delsetting fan in stikje universitair ûnderwiis yn Ljouwert. Wittenskiplik direkteur is sûnt 1964 dr. Klaes de Vries, saeklik direkteur sûnt 1966 Keimpe Sikkema. It Frysk Genoatskip hat noch altyd frijhwat leden dy't it lêzingen, út en troch in ekskurzje, it nijsbulletin fan it Frysk Museum en it jierboek ‘De Vrije Fries’ oanbiedr; dat lêste wurdt útjown yn de mande mei de Akademy. It Frysk Museum hat it Genoatskip net mear op syn noed. It biwâld dêrfan leit nou yn hannen fan in stifting. De greate en nijsgjirrige bibliotheek fan it Genoatskip hat opholden to bistean. It wichtichste diel dêrfan is tolânne kommen by de Provinsiale Bibliotheek, it oare is op alderlei wize forkocht; net sûnder gâns krityk en ûnmoed. It Genoatskip sil bistean salang't de leden it wolle; mar de takomst hat it wol efter him litten. |
|