Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 362]
| |
Deilis mei de justysjeKantonrjochter as discipel fan Stheeman - Fedde Schurer syn forwoeden haedartikel - De rjochtsaek-Schurer en ‘kneppelfreed’ - Weach fan opskuor hellet Den Haech - Regear moat hwat krimp jaen - Wumkes forstoarn.De slach mei de justysje is bigoun op it Hearrenfean. In great wûnder wie dat net. It Hearrenfean mei oant yn de tweintiger jierren in rjochtbank, oant yn de tritiger jierren twa gemeentehuzen en fierders trije herfoarme tsjerken, in sikehûs, in RHBS en in normaelskoalle (letter kweekskoalle), hie in pear ieuwen in soarte eilân west yn in hwat efterbleaun gea. Dat hie noch hwat mear distânsje as sljochtwei jown tusken alles hwat him ‘offisieel’ achte en de gewoane man; en allyksa tusken de boargerij mei har oerlibbe tradysje fan deftigens en it folk fan bûten. Dat dat binammen yn de tael ta utering kaem seit himsels. De boargerij spriek almeast har eigen soarte stedfrysk, mar mocht harsels ek graech yn it heechhollânsk hearre. Yn it mânske Crackstate, dat lange jierren sit west hie fan de rjochtbank, wie in kantonrjochter oerbleaun, in hwat iensume figuer yn dit útwreidich monumint. Yn 1951 hjitte hy gewoan mr. S.R. Wolthers, mar troch de hege gongen sweve noch de geast fan syn feodale foargonger. Mr. Wolthers hat himsels hwat oplutsen oan dit Crackstate en oan in tradysje dy't har ta anti-Fryskens ûntjown hie. Dat krigen in pear molktapers út Aldeboarn to fornimmen doe't dy har to forantwurdzjen hiene om't hja op har bussen ‘molke’ en ‘sûpe’ stean hiene en net ‘melk’ en ‘karnemelk’. Dat koe gjin kant út fansels; boppedat wiene de mannen ek noch sa dryst om Frysk to praten. Mr. Wolthers lei dêr it near op en achte it net ûnder him har ‘na te bauwen en af te blaffen’, lyk as Fedde Schurer letter skreaun hat yn in artikel dêr't daliks mear út oanhelle wurde sil. It sûpe- en molkegefal hat sahwat it foarspul west fan hwat him ôfspile yn de rjochtsaek tsjin de fédokter Sjirk Franses van der Burg út de Lemmer yn oktober 1951. It wie in saekje fan neat; allinne woe Van der Burg, dy't in foaroanman west hie yn de Fryske Studintefederaesje, Frysk prate. Dêrfoar wied er by mr. Wolthers oan in alhiel forkeard kantoar. Dy liet him earst in ûre of hwat wachtsje, om't der neffens him in tolk komme moast, forklearre lykwols letter in tolk oerstallich om't Frysk gjin ‘frjemde’ tael wie, en sei lang om let dat hy ‘offisieel’ Van der Burg net forstean koe. | |
[pagina 363]
| |
It forhael fan dit barren sil, as it oerforteld wurdt, altyd hwat ûnwierskynliks hâlde. De oanstriid moat great wêze om oan de skouders to lûken en der in útgliden yn to sjen fan in doarpspotentaetsje. Mar men moat jin net forsinne. It resept fan mr. Wolthers wie moai aerdich dat hwat mr. Stheeman oanrikkemandearre hie yn ien fan syn ynstjûrde stikken. Stheeman hie forskil makke tusken de stumper dy't him yn syn simpelens fan it Frysk bitsjinne en de geastlik hwat better tarette justitiabele dy't achte wurde moast it Frysk to brûken as útdaging. De iene hearde skiklik bihannele to wurden, de oare moast fiks toplak set wurde. It sleat nammers yn de fierte oan op eat dat minister Van Schaick yn 1933 sein hie yn syn antwurd op de fragen fan Hindrik van Houten op it hâlden en dragen fan rjochter mr. Meihuizen yn de saek tsjin Haring Piebenga: to witten dat it fan âlds wol wenst wie dat de rjochter minsken, dy't hwat muoite hiene mei de Nederlânske tael, in bytsje yn 'e mjitte kaem. Dat wol dus sizze: oaren net! Yn elts gefal hat mr. Wolthers him sûnder mis oan it resept-Stheeman hâlde wollen. Hy hat dat dien op in ûnhandige en ûnforstannige wize; mar nimmen hoecht to twiveljen of yn bigjinsel hat hy hannele út namme fan in great part fan de rjochterlike macht yn Fryslân. Der leine achttjin jier en in wrâldoarloch tusken dizze saek en dy tsjin Haring Tjittes Piebenga. Yn 1933 hie Fedde Schurer oan Haring Tjittes in lofdicht wijd; fan fierren, hwant hy wenne doe yn Amsterdam. Nou, fan tichteby, as haedredakteur fan de ‘Friese Koerier’ en yn oare tiden, pakte hy de rjochter oan. ‘In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega's te reserveren’. Yn itselde stik hied er it ek oer it ‘kinderachtige, beledigende en treiterende optreden’ fan de kantonrjochter, dat hy seach as ‘een openlijke provocatie voor het Friese volk in het algemeen en voor zijn studerende jeugd in het bijzonder’. Fedde Schurer hie hiel goed yn 'e rekken dat dizze foarse tael alle gelegenheit bea der in klacht foar mislediging út to heljen, mar hy wie ré dat to aventûrjen. Mr. Wolthers hat letter sein dizze klacht sels net yntsjinne to hawwen; mar hy moat hiel goed witten hawwe dat soks ek net hoegde. Oaren hawwe it wol foar him dien. Wie it de och sa warbere ofsier fan justysje mr. F. Hollander dy't der daliks in rjochtsaek fan meitsje wollen hat? Hielendal wis is it net. Der is reden om oan to nimmen dat it hiele paleis fan justysje to Ljouwert min ofte mear yn opskuor wie en dat it mei it ôfstraffen fan Schurer net lang wachtsje woe. Sa hastich gyng it, dat de foarsichtigens hwat út de eagen litten waerd. | |
[pagina 364]
| |
Foar in bytsje hoedenens hie oars reden genôch west. Hwant foarst gyng it hjir foar de rjochterlike macht om in oardiel yn in eigen saek dêr't it mijen fan lichtfeardigens in strange eask by wie; en twad bijoech de justysje har hjir op it hwat nuodlik mêd fan de publike konsjinsje, dêr't it gou de dingen to sjen yn har romste forbân. Fedde Schurer syn stik gyng neffens de strekking fansels fier út boppe in oanfal op in doarpsrjochter; by him gyng it der foar alles om hinne to brekken troch de taelbarrière as sosiale skied, lyk as in tal lju yn hege posysjes dy hanthavenje woene. Dat de rjochtsaek net goed oertocht wie bliek daliks al út de kar fan de lytse seal foar de bihanneling. De parse hie dêr plak, mar it publyk net. Dat wie fansels net yn 'e heak om't de iepenbierens, dy't just yn dit gefal sa tige nedich wie, der troch yn de knipe kaem. Foar dizze saek bistie in greate bilangstelling; foar de rjochter hie dat in reden wêze moatten om de doarren wiid iepen to setten ynpleats fan se binaud ticht to hâlden. It birop op brek oan branje wie yn it jier 1951 net mear as in forlechje. It wie 16 novimber; Fedde Schurer syn krantestik wie noch farsk. Foar de sitting hie de parketwacht al gâns folk dat der by wêze woe út de gongen fan it paleis fan de justysje nei bûten reage. Dizze minsken en dejingen dy't foar it gebou wachten koene min oars tinke as dat de polysjerjochter de saek-Schurer sahwat ûnderhânsk ôfdwaen woe. En it moat sein wurde dat hja dêr folslein gelyk oan krigen. De polysjerjochter, mr. Tj. Taconis, woe him inkeld en allinne oan it feit fan de mislediging hâlde. Dat wie de twadde greate flater. Hwant it is foargoed de plicht fan de ûnôfhinklike rjochter om elts misdriuw, great of lyts, dat hy to bioardieljen kriget, to sjen yn it forbân dêr't it yn bidreaun is. It foldwaen oan dizze eask hie tomear eigenskip om't Schurer nou just gjin man wie dy't der foar bikend stie syn evenminsken samar ris hwat ûnskikliks ta to roppen. Sa't de saek opset wie en fuortgong hie, ûntbriek it klankboerd dat binammen yn gefallen as dit nedich is om it rjocht to finen. De bihanneling spile him ôf yn in sfear fan kiezzichheit en ressentimint. Mr. Taconis ornearre dat in man mei de haedakte as Schurer witte moast hwat hy skreau. De man mei de haedakte: dat wie dan de forneamde dichter, winner fan de Gysbert Japikspriis, de journalist fan formaet en de net ûnbidreaune politikus. Dit net sjen of net sjen wollen fan de wiere forhâldingen (hwant hwa wie mr. Taconis?) hat in merkteken fan nearzigens set op de bihanneling fan de rjochtsaek-Schurer yn earste oanliz. Ek de riedsman mr. D.H. Okma koe net troch de strakke regy hinnebrekke. En it fonnis, twa wike finzenis op bitingst mei trije jier proeftiid (neidat de ofsier fan justysje it mei in boete fan f 150 ôfdwaen wollen hie) | |
[pagina 365]
| |
Kneppelfreed: de nacht kaem al oer it Saeilân, mar de spuiten jagen noch har wetterstrielen oer it ‘oproer’.
(Foto J.D. de Jong) fortoande mar al to dúdlik it stimpel fan rjochterlike wrok mear as de ûnpartidige hân fan de blyndoeke frouwe Justitia. Underwilens hiene har bûten it gebou nuvere taferielen ôfspile. It wie dêr kommen ta in folsleine reboelje. It krekte forhael dêrfan sil wol nea mear dien wurde kinne; nammers is dat foar elke opstân hast ûndwaenlik. Mar de oanlieding wie dúdlik genôch, ntl. it tsjinkearen fan it publyk by de rjochtsaek. Oer de minsken dy't foar in part út it gebou setten wiene en foar in oar part forgees op talitting wachte hiene, wie mear en mear in demonstrative geast furdich wurden. It bisykjen fan de parketwacht om de minsken ek ûnder de pylders en fan de treppen fan it gebou wei to krijen slagge net. It forkear op 'e strjitte koe der al gau net mear troch. Studinten bigounen biedwurden to roppen; en oan de efterkant fan it gebou dêr't de ruten fan de lytse seal op útkamen waerd lûdroftich protestearre. It kaem safier dat de ofsier fan justysje, mr. Hollander, it gaedlik achte in birop to dwaen op de gemeentepolysje. It trof dêrby ûngelokkich dat de boargemaster, mr. A.A.M. van der Meulen, as tuskenskeakel útfallen wie. Hy siet sûnder euvelmoed moai fierwei yn in gearkomste fan de provinsiale VVV. Tafallich hied er forsomme dit even op it stedhûs to sizzen. Dêr kaem it fan dat de kommissaris fan polysje, A. Houwing, feitlik | |
[pagina 366]
| |
ûnder de oarders fan mr. Hollander kaem to stean. Mr. Hollander wie gjin man fan heale maetregels. As der noch al in kâns west hat om mei hwat bisteklikheit de reboelje to biswarren, dan hat er dy yn elts gefal slûpe litten. De minsken by it paleis fan justysje, sneu bihannele en lulk, woene net samar fuort. De polysje loek de gummykneppels en sloech der op yn. Doe't it bliken die dat dat noch net gau genôch holp, kamen de spuiten fan de brânwacht der oan to pas. It seit himsels dat ek gâns bûtensteanders, net fij fan in opstjitsje, har yn de striid bijoegen. De op it Saeilân oerbleaune rommel fan de merk wie moaije munysje. Ek it jongfolk fan de RHBS hat wakker meidien, fansels net oan de kant fan de polysje. Oeribele mijen hat de polysje utersté net west. De forantwurdlikens foar dit rûch regaed komt foar in great part op rekken fan mr. Hollander, dy't nei't it liket trochpakke wollen hat oant yn it absurde. Fedde Schurer, nei ôfrin fan de saek weidroegen op 'e skouders fan inkelde freonen, rekke by in útfal mei gummykneppels noch troch in rút fan it notaris-kantoar fan mr. Duintjer. Syn tsjûge-deskundige Piter Wijbenga krige in mannich fikse klappen en ek de ‘Volkskrant’-journalist Kees Sikkink kaem der net sûnder averij ôf. Yn it Oranjehotel, dêr't hja lang om let bidarren, founen hja noch mear slachtoffers. Hja koene dêr de smertlapen, de pûden en de kleanskuorren ynventarisearje, mar dochs al yn it bisef dat it dit kear justjes to slim west hie foar in fuortfarren yn de âlde banen. It is yndied sa, dat ‘kneppelfreed’ yn it ûnthâld fuortlibbet as in fjûrwurk dat ynienen de Fryske kwestje foar hiele Nederlân fûl biljochte hat. Dat Fedde Schurer fjouwer moanne letter yn heger birop nei in rêstige en weardige sitting fan it Ljouwerter gerjochtshof foroardiele is ta de f 150 boete dy't by de bihanneling yn earste oanliz tsjin him easke wie, heart amper mear by it forhael; al moat der gewach fan makke wurde hoe maklik en sûnder biswier nou de Fryske tael brûkt wurde koe. Riedsman wie ditkear mr. Abel Herzberg, dy't in opmerklike pleitrede útspriekGa naar eind237.. Mar it strijdperk wie ûnderwilens al forlein. It punt fan de Fryske twataligens wie yn Den Haech op it aljemint kommen. It bliuwt in hwat wûnderlik ding dat, neidat it earnstich wurk fan de Fryske biweging yn de lêste oarlochsmoannen, de drege brosjuere fan Piter Wijbenga en it bisteklik rapport fan de provinsiale desintralisaesjekommisje sa'n drôvich bytsje omtinken krige hiene, nou troch de saek-Schurer en de slach op it Saeilân ynienen rounom bilangstelling ûntstien wie foar de Fryske problematyk. Net allinne goedwillige bilangstelling, dat is wier. Oan ûnbigryp yn de styl fan: wy binne Yndonesië al kwyt, nou piket ek Fryslân noch út, ûntbriek it grif net. Mar folle lûder en oertsjûgjender utere har de meistimming, binammen yn de parse en it parlemint. | |
[pagina 367]
| |
Neipetear op 'e dei fan de bihanneling fan de saek-Schurer yn heger birop; efteroan mr. Abel Herzberg, rjochts nêst him Fedde Schurer, lofts Jo Smit. Lofts foaroan Tonia Vondeling, rjochts fansiden Wil Schurer. Heal oerein Sjoerd van der Schaaf.
(Foto J.D. de Jong). It sizzen fan de polysjerjochter dat in man mei de haedakte lyk as Fedde Schurer witte moast hwat er skreau, krige in bikrêftiging lyk as mr. Taconis dy yn syn binypt sealtsje net tinke kinnen hie. Yn de Twadde Keamer spriek it chu-lid Tj. Krol planút oer de ‘stommiteit van een lid van de rechterlijke macht’, dat fansels op Wolthers sloech, en droech de âld-premier mr. P.S. Gerbrandy in psalm yn de Fryske biriming fan Schurer foar. Yn ‘De Telegraaf’ skreau prof. Gerretson in lang skiedkundich kleurd artikel, dêr't er der yn op oanstie net to ‘pingelen’ mar Fryslân de folle mjitte to jaen. Ek blêdden as ‘Het Vrije Volk’ en ‘Trouw’ gyngen yn 'e pleit foar in foldwaen, alteast in stikhinne, oan de Fryske winsken. Safier wie lykwols it regear daliks noch net. Minister Teulings (binnenlânske saken a.i.) wie wol fan bitinken dat nasionale ienheit net stridich wie mei regionael forskaet, mar sei der fuort by dat de Friezen witte moasten dat har stribjen gjin ûnrêst towei bringe mocht. En minister Mulderije (justysje), alhoewol tige foar hwat skiklikens ‘in het verkeer tussen rechter en rechtzoekende’, achte dochs dat de Friezen yn de offisiële omgong it Nederlânsk hearden to brûken. Ek it talitten fan de Fryske | |
[pagina 368]
| |
ied (Wumkes hie ienris foar it rjocht yn it Frysk sward, sûnder dêr lêst mei to krijen) like him net goed ta. Tsjin dizze opfettingen kaem prof. P. Geyl, de bikende histoarikus, yn de ‘NRC’ moai fûl op. ‘Taalbewegingen en nationalistische bewegingen gedijen op onbegrip van hogerhand, zoals dat hier aan de dag gelegd is. En gedijen zij er maar alleen op, dan zou het geval nog zo tragisch niet zijn, want ik wens de Friese beweging alle goeds. Maar zij worden er door vergiftigd, zij worden er door geprikkeld tot een extremisme dat hunzelf en het groter verband waartoe zij behoren enkel maar ellende kan berokkenen. Er bestaat geen enkele reden waarom er een Fries-Nederlands antagonisme zou moeten ontstaan. Maar het zal ontstaan, als men in Den Haag doorgaat met doodeenvoudige en natuurlijke verlangens, de vervulling waarvan geen rimpeling in ons nationale leven behoeft te brengen, uit star en verbeeldingsloos formalisme en étatisme te blokkeren’. Geyl syn artikeltsje wie ek bidoeld as adheezje-bitsjûging oan in rom forspraet struiblêd fan in great tal yn Fryslân wenjende foaroansteande net-Friezen, dêr't hja 1) eltse fortinking fan separatisme fan de Fryske biweging as sinleas yn ôfwiisden; 2) de wearde fan de Fryske biweging yn bitsjûgen ‘in het kader van overal steeds toenemend verzet tegen de nivellerende tendenzen in onze steeds meer vertechniseerde wereld’; 3) it omtinken yn fregen foar de bisûndere posysje fan de Fryske kultuer yn it gehiel fan de Nederlânske kultuer, in ding dat ek reden wêze moast foar bisûndere oandacht fan de oerheit foar de Fryske biweging; 4) it goed rjocht yn fordigenen fan de Friezen om yn alle offisiële forbannen gelikense rjochten foar it Frysk en it Nederlânsk to freegjen, mei alle konsekwinsjes foar net-Fryske amtners, leararen en ûnderwizers. Der stienen nammen fan domenys, paters, rektoaren, direkteuren en boargemasters ûnder dizze forklearring. De namme fan mr. Stheeman ûntbriek. Dy hie syn hurdens nochris wer útlibbe yn ‘Elseviers Weekblad’. Hy ornearre dat it talitten fan it Frysk yn de rjochtsseal der ta liede soe dat alle rjocht- en pleitsaken holden wurde soene yn it Frysk, alle stikken opsteld yn it Frysk en alle wetten yn it Frysk redigearre. Dat wie sa likernôch itselde as ôfskieding. ‘Er is niets wat zo scheidt als verschil in taal’. As Geyl syn artikeltsje ek foar Stheeman ornearre west hie, dan wie it wol forgees skreaun. ‘Elseviers Weekblad’ hie nammers earst Fedde Schurer de gelegenheit jown om syn bitinken to jaen. Hy hie dy kâns net forsomme. Sa om 'e tiid hinne dat Schurer syn saek yn heger birop tsjinne, kamen út Den Haech tekens fan it forlet by it regear om de forklearringen fan de ministers yn de Keamer net as it krekte en it lêste wurd jilde to litten. Dat | |
[pagina 369]
| |
is grif ek kommen meidat yn desimber 1951 de Limboarger Beel de portefúlje fan binnenlânske saken oerkrige fan minister Teulings dy't har gâns in skoft tydlik ûnder him hawn hie. Beel like itjinge yn Fryslân geande wie hiel hwat better to bigripen as de measten fan syn amtsbruorren. Sa kaem it ta hear-sittingen fan de ministers Beel, Mulderije en Rutten (ûnderwiis) op it provinsjehûs yn Ljouwert. Hjirfan sil fierderop mear forteld wurde. Earst moat op 'e nij gewach makke wurde fan in aksje fan de ofsier fan justysje mr. Hollander dy't folle hie fan in trochkrusing fan dizze hâlding fan goedwilligens. Mr. Hollander is faek romme as in kundich jurist, mar yn syn Fryske tiid wied er fan in ûnrêstigen warberens, as gyng it der om in stik efterstân yn de striid tsjin de misdied yn to heljen. It die dêrby hieltyd wer bliken dat syn earbied foar it ‘habeas corpus’ net oerhold: nei alle gedachten hawwe der noch nea safolle lju preventyf oppakt west as yn syn tiid. In lokkige hân hied er dêrby net. To maklik liet er him troch syn erchtinkendheit op dwylpaden bringe. Erchtinkendheit wie it ek dy't him ûnfoarsjoens en mei gâns mankrêft op 18 maert 1952 in ûndersiik op gong bringe liet yn forbân mei de forsprieding fan in hwat ûngelokkich pamflet, dêr't yn to lêzen stie dat de frijheit fan de Friezen bitsjutte gummykneppels en brânspuiten, koartsein Schalkhaar-methoaden, en dêr't fierder yn sein waerd dat de Friezen op har knibbels moasten om oan har rjocht to kommen. Jongerein fan it middelber ûnderwiis waerden op in joun út 'e hûs helle en oant let yn de nacht útkloarke. Oppakt waerd G.A. Gezelle Meerburg, haedassistint fan de Fryske Akademy (better bikend ûnder syn skriuwersnamme Marten Sikkema). In rekonstruksje fan dit gefal makket oannimlik dat mr. Hollander, dy't sels de lieding hie fan de aksje, oertsjûge wie fan it bistean fan in steatsgefaerlike gearspanning efter it útjaen en forsprieden fan it struibrief. Moai wis is dat ek de Binnenlânske Feilichheitstsjinst meidien hat. De útslach hat in groteske mislearring west. Der wiene ûnder dejingen dy't forheard waerden guon dy't murkbieten, dat by it útfreegjen de bilangstelling fan de resersjeurs stadichoan fordwoun. Hwat der útkaem wie foarst dat dizze struibrief-affaire foar in part bernewurk wie en twad dat de skuldigen nei komôf en polityk milieu it bûnte forskaet fortoanden dat it merkteken is fan de hiele Fryske biweging. Fan iennich komplot of iennige hantlangerstsjinst foar tsjustere figueren op 'e eftergroun bliek net in sprút. Meerburg mocht nei inkelde dagen arrest wer nei hûs ta. Hy en gjinien fan de oaren hawwe neitiid noch hwat fan dit gefal heard. Foar mr. Hollander en dejingen dy't efter him stiene wiene de gefolgen earsling. Minister Teulings hie sein dat it stribjen fan de Fryske biweging | |
[pagina 370]
| |
net ta ûnrêst liede mocht; mar wie de Fryske biweging wol forantwurdlik foar dizze ûnrêst? Moast de skuld net earder socht wurde by de magistraet? Dizze fragen hawwe sûnder mis op 'e eftergroun libbe by de hear-sittingen fan de trije ministers. Frijhwat liedende minsken út de Fryske biweging hawwe de gelegenheit hawn dizze hege ôffurdiging fan it regear stânpunten, winsken en klachten oer to bringen. Hjir koe praet wurde fan in to priizgjen bisykjen fan Den Haech, it ynsjoch to krijen yn de Fryske problematyk dat by it biantwurdzjen fan de sprekkers yn de Keamer ûntbrutsen hie. De Fryske Steaten hawwe de Fryske biweging bystien troch it opstellen fan in tal konkrete winsken. Mr. Hollander is al ridlik gau oerpleatst nei Utert. Oft dat mei it gefolch west hat fan in amtlik ûndersiik dat jhr. mr. Th.W. van den Bosch, substitút-ofsier fan justysje to Assen, yn Fryslân dien hat, is min nei to gean; mar it feit fan dit ûndersiik op himsels wie bûtenwenstich genôch. Wichtiger lykwols wie it bineamen fan twa kommisjes (de kommisje-Kingma Boltjes foar it amtlik gebrûk fan it Frysk en de kommisje-Wesseling foar it Frysk yn it ûnderwiis), dy't it regear neijer ynljochtsje moasten oer de twa it meast driuwende kwestjes yn Fryslân. Ut de foarstellen fan dy kommisjes binne lang om let de wet-Cals fan 1955 oangeande it Frysk op 'e legere skoallen en de wet-Donker fan 1956 oer de posysje fan it Frysk by it rjocht fuortkommen. De wet-Cals bitsjutte winlik de legalisaesje fan de sûnt 1950 bisteande proefskoallen mei it Frysk as fiertael oant yn it tredde learjier. It tal fan dy skoallen koe nou fiks útwreide wurde. It Frysk waerd boppedat fakultatyf learfak foar de hegere learjierren. Fierders waerden de eksamens Frysk-l.û. rykssaek en kamen der akten Frysk-m.û. A en B. Fan de wet-Donker is it wichtichste artikel: ‘In alle gevallen, waarin iemand op een terechtzitting, welke gehouden wordt in Friesland, van ambtswege het woord voert, dan wel verplicht is zich aan een verhoor te onderwerpen of bevoegd is het woord te voeren, is hij bevoegd zich te bedienen van de Friese taal’. It bigjinsel fan dizze wetsjes, in stik erkenning fan it Frysk, wie ynearsten wichtiger as har substânsje. It tastean fan twatalige skoallen nei mear as in heale ieu aksje foar Frysk ûnderwiis, wie net mear as in biskieden sukseske. De regeling fan it brûken fan it Frysk by it rjocht eage hwat mear om't lju as Stheeman, Wolthers, Taconis en Hollander sa dúdlik de slach forlern hiene. Dochs wie it utersté net sa dat de Fryske biweging it op alle punten woun hie: it artikel dêr't it gebrûk fan it Frysk yn kleare wurden yn tastien wie, waerd yn de folgjende artikels wer gâns in stik ûntkrêftige en de regels foar it amtlik gebrûk fan it Frysk wiene fier fan goederjowsk. Wol krige de Fryske ied rjochtskrêft. | |
[pagina 371]
| |
Mar by alle ûnfolsleinens en by alles hwat fierderoan noch barre moast wie it dochs út mei de healwize tastân dat rjochters en amtners dwaen koene as bistie it Frysk net. De boete wie foar Fedde Schurer, mar de politike winst wie ek foar him en foar de hiele Fryske biweging. Regear en parlemint hiene der net foar wei kinnen en jow it Frysk in plak as de twadde Nederlânske tael. Sa sjoen hat Schurer syn forwoeden útfal tsjin mr. Wolthers en alles hwat dêrop folge in kearpunt bitsjutten yn de striid fan de Fryske biweging. Wûnderlik genôch hawwe ek Stheeman en Wolthers dêrby holpen mei rounom fiele to litten hoe tige ien fan de earste minskerjochten, dat fan it brûken en earbiedigjen fan de eigen tael, yn Fryslân yn de knoei kommen wie. It gyng om dat stikje demokrasy en sosiale rjochtfeardichheit dat sa licht ûntbrekt, dêr't hegerein en hegerhân har oansjen en har macht mei hanthavenje wolle troch it pleatsen fan in oare tael boppe de folkstael. In kearpunt is fansels hwat oars as in omkear. It is der noch fier fan ôf dat de folkstael rom har gerak krige hat. Binammen foar it amtlik gebrûk fan it Frysk liket noch net folle mear birikt to wêzen as in bigjin. It leit oan de Friezen sels dat bigjin út to wreidzjen. It is in kwestje fan hwat de Frânsman neamt ‘frapper, frapper toujours’; hoekhâlde, aksje fiere, tsjin stil forset en binammen (dat hat Flaenderen wol leard) tsjin streekrjochte sabotaezje. De man dy't foar it earst yn it Frysk sward hie foar it rjocht, dr. G.A. Wumkes, is yn 1954 stoarn yn syn fiifentachtichste jier. Syn autobiografy ‘Nei Sawntich Jier’ wie yn 1949 útkommen, in moai forslach fan in wurksum libben. Dat libben wie net allinne Fryslân tawijd, mar Fryslân hie der wol in great plak yn hawn. Wumkes hat de bibel oerset yn it Frysk, mar ek tiid foun foar in hast ûnbigryplik great tal publikaesjes fan almeast kultuer-histoaryske aerd. De kwaliteit hat wolris lit ûnder de mannichte; mar syn foarbyld en syn hillich fjûr hawwe op gâns jongeren in bisieljende útwurking hawn. En hy bliuwt de man dy't in foarm foun hat foar in neijer biheljen fan de provinsje yn de biwegingsdoelen en dy't de biweging sels ta mear ienheit brocht hat. |
|