Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 347]
| |
Van Harinxma syn ôfgean - Bistraffing en suvering - De biwegingsrapporten - Federalisme - Frysk yn Steaten en rieden - De tsjerken en it Frysk - Nije bibeloersetting - Boeles út en Jaep Kalma yn bistjûr Genoatskip - Stheeman syn raem op it Frysk.De twadde wrâldoarloch hat in tiidrek ôfsletten. Dat jildt ek foar de Fryske biweging. It bigjin fan it nije tiidrek is al sichtber yn de jierren foar 1940. Yn de oprjochting fan de Underwysrie en de Fryske Akademy siet al hwat fan it yn mekoarren skouwen fan Fryske oerheit en Fryske biweging. Dy ûntjowing is letter folle dúdliker en biwuster wurden, mar dochs nei in oergongstiid. Hwant by alle fornijingsroppen, dêr't nei de bifrijing de loft fan davere, gyng it der doe dochs alderearst om it libben yn steat en maetskippij wer hwat op gong to bringen en dat koe yn it earstoan net oars as yn de biwende banen. Mar der wie dochs al daliks gâns foroare. De âlde Van Harinxma hat it lang net leauwe wollen, alhoewol de tekens dúdlik genôch wiene. It bisykjen fan him en de prokureur-generael Lasonder yn april 1945 om foarearst de leije to nimmen yn bifrijd Fryslân mislearre folslein. It ‘ûngeregeld’ folk fan de yllegaliteit bihearske de situaesje yn de earste dagen, en dat hie it grau op Van Harinxma. Al gau oan 'e kant skoud fan it militair biwâld hat er ytlike moannen beard as wied er noch yn funksje en as wie de tydlike kommissaris, mr. Haan, in ynkringer sûnder foech. Hy bitroude op de keninginne, mar dy hat him falle litten doe't hja alhiel op 'e hichte wie. Hy is yn 'e hjerst ûntslein, earfol, mar sûnder ôfskie of omhael. De âld man - hy wie ûnderwilens 75 jier wurden - moast it doe wol leauwe, al is it net wis oft er it ea bigrepen hatGa naar eind232.. De organisearre Fryske biweging kaem út de bisetting wei sûnder blaem, mar ek sûnder folle yllegale glâns. De Selskippen hiene de lêste tiid wol sahwat op non-aktyf stien, mar forbean en ûntboun wiene hja net. Jaep Kalma en Eeltsje Folkertsma wiene net oppakt. Dat twa haedbistjûrders fan it Selskip-1844 (Jan Eisenga, al neamd, en J. Hylkema) troch har hâlding de oarloch net oerlibbe hiene, hold gjin forbân mei aktivens op it Fryske mêd. In forlies wie it wol; en great forlies wie ek de dea yn in Dútsk kamp fan prof. Titus Brandsma, lange jierren lid fan de Underwysrie en mei-oprjochter fan de Fryske Akademy. Irenysk en sêftmoedich wied er dochs in man fan greate seedlike moed. | |
[pagina 348]
| |
De Rattelwacht, yllegael Frysk literair tydskrift mei as meiwurkers de kearn fan de lettere Tsjerne-rounte (Fedde Schurer, Douwe Tamminga, Anne Wadman, Sjoerd Spanninga). *
Al stiene de Selskippen bûten it forset, dochs hat der ûnder de berch yllegael printwurk út Fryslân ek wol hwat Frysk spul sitten: it earste nûmer fan ‘De Stiennen Man’ forskynde yn febrewaris 1945 en der kamen ek inkelde jeften út fan de (mear literaire) ‘Rattelwacht’, dêr't Fedde Schurer wol hwat fan wist. Y.N. Ypma makket yn syn boek oer Fryslân yn 'e bisettingstydGa naar eind233. noch gewach fan in bledtsje ‘Fryslân Oerein’, forskynd yn 'e hjerst fan 1944, dêr't de Dútskers by in ynfal yn it Coulonhûs ris in foarrie fan 13000 stiks fan oer de holle sjoen hawwe. It wie in útjefte fan Je Maintiendrai. Der is nammers noch wol hwat mear. Foar in goede bioardieling fan de hâlding fan de Fryske biweging yn de bisettingsjierren jowt in forliking mei Flaenderen dochs wol hwat mear dúdlikheit. Hwant al hawwe de Flamingen it altyd frijhwat swierder hawn as de Friezen, soks forklearret dochs net hielendal de skael fan harren kollaboraesje yn de beide wrâldoarloggen, mei fan gefolgen de massale en faek swiere bistraffing, dy't har eigen problemen wer oplevere. Yn Fryslân wie it allinne in lyts keppeltsje út de rounte fan de Fryske Rie dat foarkomme moast; en gjinien fan har foar in heger rjochtskolleezje as it tri- | |
[pagina 349]
| |
bunael. Hja hawwe almeast in skoft taholden yn in strafkamp, mar dat wie in ynstelling dy't net lang bistien hat. Forlies fan kiesrjocht hearde by hast elk fonnis en Rintsje Sybesma krige noch tsien tûzen goune boete. S.D. de Jong moast twa radiotastellen ynleverje; sykte hat him bihindere sels foar it tribunael to kommen en hat him ek biwarre foar it kamp. Yme Schuitmaker hat foar it tribunael in soarte ienakter opfierd, dy't der op delkaem dat nimmen it sa tûk en sa slûchslim tsjin de fijân oanlein hie as hy. Swier straft (troch it bisûnder hof to Ljouwert) is Paul Kiès, dy't daliks nei de Dútske oerfal nei de bisetter oerroun wie en û.o. kâns sjoen hie in keppel fan syn oanhingers yn de SS to prakkesearjen. Somliken binne oan it eastfront fallenGa naar eind234.. Fansels hat Kiès lang syn hiele saneamde Troelstrabiweging net efter him holden op it pûr forkearde paed, mar de hiele episoade jowt dochs in biskamsum byld fan hoe't Friezen yn har stribjen nei eigen sizzenskip har foar de karre fan in fluenske demagooch spanne litte koene. Douwe Kalma, al hat er nei de bifrijing fjouwer moanne yn it kamp sitten, is oan it tribunael ûntkommen; mar hat wol in publikaesjeforbod oplein krige fan de earerie foar de letteren. In selde (bykommende) straf krigen ek Douwe Kiestra en inkelde oare skriuwers. Kiestra hat nea klage, mar Douwe Kalma hat der oer beard al wie it it greatste ûnrjocht dat ea immen oandien wie. It ledetal fan de Selskippen is tige oanwoeksen yn de bisettingsjierren en ek dêrnei hat der noch in skoft fiks groede yn sitten. It like dat it hiel hwat wurde soe; mar letter hat wol bliken dien dat de tiid fan de Selskippen as liedingjaende macht yn de Fryske striid foarby wie. Har boadskip klonk ynienen net sa lûd en suggestyf mear, alhoewol der folle mear bigryp kommen wie foar itjinge dêr't hja altyd op it Fryske mêd nei stribbe hiene en noch nei stribben. Fordwoun wie de mythe dêr't de Fryske biweging sûnt de dagen fan de romantyk foar in wichtich part op dreaun hie. Men soe it de mythe fan de útforkarring neame kinne fan in stamme, sa âld, sa moedich, sa eal en sa frij. J.H. Halbertsma syn wurden dat de Fryske frijheit de wrâld oerwinne sil passe der yn, de greate totoanstelling fan 1877 past der yn, it Oera Lindaboek past der yn. Yn de striid om de echtens fan it Oera Lindaboek hawwe wy de leauwige dr. J.G. Ottema foar in ûnleauwige Gerben Colmjon oer stean sjoen; yn it deftich Genoatskip hat de romantyske geast langer fuortlibbe as yn it liberael Selskip-1844. Mar de jonge Piter Jelles bloes mei syn lieten ek by it gewoane folk it birutsen romantysk fjûr wer krêftich oan. En de Jongfriezen hawwe sûnder mis fuortboud op de | |
[pagina 350]
| |
mythe, lyk as ek it Kristlik Selskip dat dien hat mei it sjen fan Gods finger" yn it fuortbistean fan folk en tael yn tweintich lange ieuwen. De mythe kin ek as eftergroun sjoen wurde fan it Frysk idéalisme, sosiael en humaen, fan de âlde Folkspartij, fan de ûnthâlders en noch in rychje biwegingen mear, dy't bettere minsken en in rjochtfeardiger maetskippij woene. Fryslân miende foarfêst dat it hwat to sizzen hie oan it oare diel fan Nederlân. Biswykt is de mythe yn de hurde jierren 1940-1945 ûnder de ûnfrisse lêst fan de bloed- en boaijem-theoryen fan de nasionael-sosialisten. De Friezen, folk ‘fan dizze âlde stamme’, hiene wol faek har romroftigens bisongen, mar nea feitlike rasisten west; wol moralisten en puristen. Hermann Wirth hie hjir mei syn lêzingen oer de superieurens fan de saneamde Ariërs net mear as in flechtich sukses hawn; en de wrede rasselear fan in Alfred Rosenberg joech gjin inkelde oansluting by hwat yn Fryslân Kristenen leauden en humanisten bistribben. Sûnder mis hat yn de njoggentjinde ieu de mythe har bitsjutting hawn troch it stik identiteit en it selsbitrouwen dat hja de Friezen joech yn lange jierren fan ekonomyske stagnaesje en fakentiden yn gâns húshâldingen klearebare earmoed. Mar yn de rapportebondel dêr't de Fryske biweging mei út de bisetting wei kommen is, stiet neat mear oer it romrofte folk; wol oer it folk dat yn Nederlânsk forbân syn eigen plak freget op polityk, kultureel en ekonomysk gebiet. De fêststelling yn it polityk rapport, dat ‘Westerlauwersk Fryslân op groun fan tradysje, eigen wollen en eigen bilang ûnskiedber forboun (is) oan it Nederlânske ryk’, in dúdlik tsjûgenis, is yn it plak kommen fan in soad eardere dizigens. De hiele rapportebondel wie nammers in stikje konstruktyf wurk en in blyk fan it stribjen om in wichtige bydrage to jaen oan it opbouwurk dêr't Nederlân doe driuwend forlet fan hie. De rapporten stiene wol op de grounslach fan it federalisme. Dat wie it nij en dúdlik útgongspunt fan de Fryske biweging. It lân is opboud út dielen en syn wolwêzen en woltier binne de optelsom fan wolwêzen en woltier fan dy dielen. ‘Hja (de Fryske biweging) is fan bitinken dat in soune folksmienskip en in krêftich lânsbistjûr allinne mooglik binne, hwannear't it eigene sa as dat yn tael en sede en yn de ekonomyske bou fan de dielen ta utering komt, krêftich bifoardere wurdt. Op dy groun freget hja foar Fryslân as gearstallend diel fan it ryk de mooglikheit en de romte om syn ropping op geastlik en stoflik gebiet foar de Friezen en it ryk oer neikomme to kinnen’. Dit earste fan de rapporten, it politike, wie winlik in útwurking fan de idéen dy't Folkertsma forkundige hie yn syn yn 1930 útkommen brosjuere | |
[pagina 351]
| |
It gauris to ‘radikael’ achte Striidboun Fryslân Frij hat him mear as ienkear binammen rjochte ta it bidriuwslibben, dêr't it stribjen nei hwat mear selsstannigens foar Fryslân tradisioneel nou just net de measte wjerklank foun. *
‘Selsbistjûr for Fryslân’. Folkertsma woe, lyk as al sein is, út op in federale opbou fan Nederlân yn Switserske styl; en dat like ek de oare leden fan de politike kommisje skoan ta. Dat hja har dêr sa maklik en fleurich op fêstlein hawwe, moat brocht wurde op it isolemint fan de lêste oarlochsjierren dat it regionael tinken tige yn 'e hân wurke hie. It hat neitiid gau bliken dien, dat op in Switserske oplossing net folle kâns bistie yn in lân dat oardel ieu earder sa biwust keazen hie foar de iene en ûndielbere steat. Foar Fryslân en de oare lânsdielen koe de oplossing allinne mar lizze yn bistjûrlike desintralisaesje: in federalisearring fan boppenôf. Yn in yn 1948 forskynde brosjuere hat P. Wijbenga in rige suggestjes foar grounwetsforoaring jownGa naar eind235.; en fan 1949 oant 1951 hat in provinsiale adfyskommisje bisocht somlike idéen yn brûkbere foarm as materiael foar foroaring ek fan gemeentewet en provinsiale wet, oan to dragen. Op dat stuit lykwols hie it Nederlânsk steatsbistel him al wer yn de âlde foarmen fêstset en koe in Frysk stribjen om it in mear federale struktuer to jaen net folle mear opleverje. Doe't Folkertsma dat yn 'e rekken krige is er tuskentiids út de adfyskommisje stapt en hat er fierdersoan it | |
[pagina 352]
| |
Foarkant fan in propaganda-folder fan de Ried fan de Fryske Biweging yn de jierren sechstich. *
Striidboun Fryslân Frij brûkt foar it propagearjen fan syn opfettingen. Dizze klub, dy't feitlik in foarrinder west hat fan de lettere Frysk Nasjonale Partij, sil fierderop noch hwat mear fan sein wurde. In nei-oarlochske opstiging hat it federalisme utersté net west. As steatkundich ideael hat it syn wearde holden oant hjoed de dei. In federael foriene Europa dat de oansletten steaten nei tael, kultuer en libbensfoarmen yn har wêzen lit is net folslein sûnder dat dizze steaten ek har eigen minderheden respektearje en kânsen jowe by it hanthavenjen en útbouwen fan har kultuer, de tael foarop. It is gjin tafal dat de Fryske kranten en tydskriften safolle oandacht jowe oan Wales, Frânsk Flaenderen, Bretagne, Baskenlân ensfh., dêr't ek lytse folken stride foar har nasionale identiteit. De bitsjutting fan de lytse kultuermienskip, sichtber en oersichtlik, koe wolris wer greater wurde as tsjinpoal fan in opgean yn hwat dizenige wrâldbiwegingen, dêr't in minske as ienling licht paed en doel net mear fynt en himsels forliest. It federalisme hat it yn him, om as in weach altyd wer op to kommen dêr't it sintralisme de regio forjit en it politike libben de rook en smaek fordjert. It wurk fan de Fryske biweging yn de lêste bisettingsmoannen hat dêrom perfoarst net om 'e nocht west. Der wiene nammers mear rapporten as allinne it politike: oer it ûnderwiis en de kultuer, oer de hannel en niverheit, oer de lânbou, oer de | |
[pagina 353]
| |
It earste nûmer fan it wykblêd Frysk en Frij ûnder redaksje fan Jan Hof en J.K. Dykstra. Moai glorieus út ein set hat it blêd it nei in rige fan minne jierren oerjaen moatten. Letter is it lykwols op 'en nij útkommen ûnder patronaet fan de stifting Jacobus van Loon en mei provinsiale stipe. *
| |
[pagina 354]
| |
folkspropaganda. De rapporten binne de oanrin fan in nije fase fan de Fryske biweging. Hûndert jier wie der striden yn wurd en skrift; it wie nou einlings tiid foar dieden. De Ried fan de Fryske Biweging, dêr't Folkertsma en Jaep Kalma al de grounslach fan lein hiene, kaem nou einslutend fan de groun as in aksje-sintrum fan it Selskip-1844, it Kristlik Selskip, it Roomsk Frysk Boun en it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Hiel gau binne ek oprjochte de Kultuerried en it wykblêd ‘Frysk en Frij’. In kulturele rie wie neamd as doel yn it kultuerrapport, in folslein Frysk blêd yn it rapport folkspropaganda. It soe yn it plak komme fan ‘Sljucht en Rjucht’, mar ek it orgaen wêze fan de Selskippen. Der kaem lykwols al daliks in krinkel yn it tou; it Kristlik Selskip die net mei. It kaem wer mei in eigen blêd en neamde it ‘De Stim fen Fryslân’ (‘Yn ús Eigen Tael’ kaem net werom). Yn 1946 bisleaten de Steaten ta it oprjochtsjen fan in Ekonomysk Technologysk Ynstitút, dat net ûnder dy namme neamd wie yn it rapport hannel en niverheit mar winlik wol frege yn de foarm fan in oerheitsûndersiik nei de sosiael-ekonomyske struktuer fan Fryslân. It wie nije styl: yn de tritiger jierren hiene de Steaten net meidwaen wollen oan sokssahwat ûngewoans. Utgongspunt fan de taelpolityk waerd nou it bigjinsel fan de twatalichheit. Dit bigjinsel kin helle wurde út de biwegingsrapporten dy't foar de Fryske tael gelikense rjochten fregen; mar mear noch hearde it logysk thús yn de birikbere rjochte koerts fan de Fryske biweging, nou't mei de mythe safolle sentiminten opromme wiene. Yn Fryslân foar it Frysk deselde rjochten as foar it (oant doe ta) ‘offisiële’ Hollânsk: wie it net ien fan de gewoane minskerjochten lyk as dy sûnt ek yn in forklearring fan de Foriene Naesjes fêstlein binne? It forwêzentlikjen fan dy gelikense rjochten foar it Frysk like yn it earstoan wer binammen doel en taek to wurden fan de Selskippen en by útstek fan de nije Ried fan de Fryske Biweging. Mar harren ledetallen - sa'n seistûzen op syn meast fan it Selskip-1844 en sa'n twatûzen fan it Kristlik Selskip - eagen hja hiel hwat. Mar it wie al gau to sjen dat dat in konjunktuerforskynsel wie: de minsken sochten (ek) by de Selskippen de fordivedaesje dêr't hja it sa lang sûnder dwaen moatten hiene. In man as Jaep Kalma wie dat mar min nei it sin. Neffens him moast it net wer de kant út fan yn haedsaek nocht en wille. Yn in yn 1946 forskynde brosjuereGa naar eind236. hat hy syn winsken formulearre: der moasten neffens him komme in wurkmienskip, in kaderskoalle, in sterke kultuerrie, in polityk buro, in jongereinburo, in propagandaburo en in regionale kommisje. It like hwat tofolle frege, al soe de Ried fan de Fryske Biweging faeks wol as | |
[pagina 355]
| |
wurkmienskip jilde kinne en al wie de Kultuerried der ûnderwilens al kommen. Jaep Kalma wist wol dat de Selskippen dat allegearre net koene. Mar hy wie ûnfoldien. Yn wêzen is syn brosjuere in ôfskie. Hy hie de spanning fan de bisettingstiid meimakke en tidige op greate foroaringen nei de bifrijing. En by alle net útkommen forwachtingen seach er nou ek oankommen dat it Selskip-1844, dêr't hy foarsitter fan wie, tobekfalle soe op âlde stadigens en swierrissigens. Om dat to foroarjen, dêrfoar miste er de evenredigens en it geduld. Hy hat hommels syn foarsitterskip dellein, nei't, binammen troch syn flyt, de tekst fan it tinkboek fan it hûndertjierrich bistean fan it Selskip rékommen wie. It is in pear jier letter printe, in wichtich dokumint oer it wurk en it stribjen fan de âldste en greatste wierlik Fryske foriening en har foaroanmannen. Los fan it feit dat Jaep Kalma gewoan fan it Selskipswurk ôf woe, hat er him op in pear dingen wol forsjoen. Ien dêrfan wie dat hy de Fryske biweging noch tofolle identifisearre mei de Selskippen. Hy hat ûnfoldwaende yn de rekken hawn dat bûten de Selskippen om yn de bisettingsjierren de idéen fan de Fryske biweging gâns oan ynfloed woun hiene. De need en de fordrukking hiene mannichien de eagen iepene foar de wearde fan it eigene en de idéele krêft fan de ienheit yn forskaet. En nei alle gedachten hat hy ek de réens ûnderskat fan de generaesje, dy't nou har minsken bigoun to leverjen oan de iepenbiere bistjûren yn provinsje en gemeenten, om to helpen it kultureel erfskip to hoedzjen en út to bouwen. Krekt dy generaesje hie yn dy snuorje noch in moai aktive Fryske foriening: it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. It hawwe binammen syn leden west dy't einlings in Fryske folkshegeskoalle biskrept hawwe mei as ûnderkommen trije forlitten Dútske bunkers yn de dunen by Hoarne op Skylge. In hiele nije garnituer is út it Jongereinboun fuortkommen; minsken as Halbe Doele, Harm Scheffer, Anne Wadman, Freark Dam, Klaes Dykstra, Reimer van Tuinen, Hein Keuning, Tony Feitsma, Marten Sikkema en noch wol mear. Hwat foroare wie yn de geasten die bliken yn 1946, fiifenfjirtich jier neidat Fokke de Zee syn brief oan de gemeenterieden oer it brûken fan Frysk yn de gearkomsten sa likernôch in rop yn de woastyn west hie. It wie Jan Piebenga dy't yn de simmersitting fan de Steaten de Fryske tael bigoun to brûken. Frysk skriuwer en literatuerkenner, opkommen yn it Kristlik Selskip en sûnt de bifrijing journalist, wied er yn de PvdA, dêr't er foar yn de Steaten kommen wie, in trochbraekfiguer. Foar Frysksprekkers gou de Steateseal sahwat as de hoale fan de liuw. Sjouke de Zee syn mislearre bisykjen yn 1916 is earder biskreaun; mar noch yn 1939 hie Van | |
[pagina 356]
| |
Fedde Schurer en Jan Piebenga as journalisten by de bitinking fan de slach by Warns yn 1955.
(Foto Leeuwarder Courant) Harinxma it lid J.D. van der Mei as antwurd op in fraech skriftlik witte litten dat yn de gearkomsten de Fryske tael achte wurde moast net talitten to wêzen. Nammers hied er koart tofoaren it lid J.J. Wuite krêftich ôfhammere doe't dy it bistie, by it subsydzje-útstel foar de Fryske Akademy inkelde Fryske wurden to sprekken. Mar de liuw wie fuort. Kommissaris wie nou mr. H.P. Linthorst Homan, telch út in bikende Drintske famylje; man fan moderner opfettingen en frij fan Frysk reginte-foaroardiel. Hy hat Piebenga Frysk prate litten doe't er bigriep hoe heech him dizze kwestje siet. It reglemint fan oarder forbea it net. Jan Piebenga syn foarbyld hat in trochbraek op himsels bitsjutten. In rige fan Steateleden hat it sa neigeraden folge. It Frysk is hjoed de dei in erkende en respektearre tael yn de Steaten, de bank fan Deputearren net útsûndere. Hwat yn de Steaten tastien wie, koe yn de gemeenterieden fansels net tsjinkeard wurde, al hawwe somlike boargemasters dat yn it earstoan noch wol bisocht. Harren tsjiniggewearjen hat hjir en dêr laet ta komike trelitten en lytse demonstraesjes. It wie hwat efterhoedefjochterij, nou't dúdlik wie dat op syn heger plak de kommissaris fan de keningin de Frysksprekkers har gong gean liet. Njonkelytsen bigounen doe ek by forskate doarpen en stêdden twatalige nammebuorden to forskinen. Gâns wegen en strjitten, âlde en nije, hawwe sûnt ek Fryske nammen krige, | |
[pagina 357]
| |
fakentiden neidat earst de Fryske Akademy rieplachte wie. It forskil mei de tiid foar 1940 koe nimmen ûntgean. Dat kaem ek ta utering by de deiblêdden dy't, los fan in foroare politike signatuer, hiel hwat Frysksinniger wurden wiene mei mannen as Jan Piebenga, Fedde Schurer en Eeltsje Folkertsma yn de haedredaksjes. Dochs hat it neitiid wol bliken dien dat it allegearre net sa hurd en sa fier gyng as it earst like dat it soe. Frysk sprekke yn 'e Steaten en rieden is hwat oars as yn de húshâldingen en op it wurk. Der hawwe wol guon west foar hwa't dit pionierswurk to dreech wie en dy't der mei opholden binne. Mar de nije generaesjes bigjinne der har al hwat makliker mei to rêdden. It notulearjen yn it Frysk lykwols bliuwt op gâns plakken in krús. De forbettering fan it Frysk ûnderwiis moat útkomst bringe, mar dochs sil it noch wol in skoft duorje en ek noch gâns striid kostje, ear't it Frysk yn it offisieel gebrûk syn plak bimastere en syn efterstân sahwat ynhelle hat. Hwat de deiblêdden oanbilanget, dy hawwe net allinne to krijen mei gâns Fryskûnkundigens en Frysk analfabetisme; slimmer foar har faeks is de wjerstân tsjin it Frysk by dat diel fan de boargerij dat dêr it skaeimerk op stean sjocht fan de mindere man en foar har status winsket dat dat sa bliuwt. En gjin inkelde krante kin har eigen glêzen ynslaen. By de tsjerken fan ûnderskate rjochting yn Fryslân binne de biletsels foar it brûken fan it Frysk yn de tiden nei 1945 stik foar stik opromme. De Fryske bibel en de Fryske oersetting fan psalmen en gesangen fan Fedde Schurer en oaren hawwe in rige fan jierren har wearde foargoed biwiisd. De herfoarme en grifformearde tsjerken hawwe fikse espels domenys dy't wend binne yn it Frysk to preekjen en dat net altyd op itselde plak dogge. Hwant der is feitlik in tokoart oan foargongers, in ding dat mannich domeny twingt ta in reisber bistean. Underwilens is in nije oersetting fan de bibel rékommen. It forhael past alhiel yn it ramt fan de foroaringen op sa mannich gebiet yn de tiid nei 1945. Yn de sechstiger jierren rekke de Fryske bibel útforkocht. De fraech wie nou, hwat moat der barre: gewoan de oersetting fan Wumkes en Folkertsma wer printsje of in nije oersetting meitsje. It lêste is it wurden. om't de earste oersetting hwat âldfrinzich achte waerd en winlik net mear paste yn de modernere opfettingen oer it bibeloersetten yn it algemien. De nije oersetting hoegde net mear op 'e noed to kommen fan it Kristlik Selskip of it Roomsk Frysk Boun. Der kaem in stifting Yntertsjerklike Kommisje foar dêr't, bûten sahwat alle tsjerken yn Fryslân, ek it Nederlands Bijbelgenootschap en de Katholieke Bijbelstichting yn fortsjinwurdige wienen. Dy stifting hie in hiele rige theologen en taelkundigen foar it wurk ta har foldwaen: wol in great forskil mei hoe't it de earste kear | |
[pagina 358]
| |
moast! Yn biwurking is fierders in folsleine oersetting fan it nije ‘Liedboek voor de Kerken’, dêr't gebrûk foar makke wurde kin fan it materiael fan Fedde Schurer, mar dêr't ek gâns nije oersettingen yn komme fan Gerben Brouwer, Bernard Smilde en Douwe Tamminga. It is allegearre treffend genôch, en dochs, al to gunstich mei de tastân dochs ek wer net ôfskildere wurde. It meartal fan de domenys yn Fryslân brûkt gjin Frysk en soe it ek net kinne. By de net-Friezen ûnder har binne der wol dy't it leare en har bêst dogge om it alteast to brûken by it húsbisiik en it fraechlearen. Foar de liturgy (al binne der goede Fryske formulieren) skrilje hja der lykwols almeast foar tobek. It soe ek forkeard wêze om to mienen dat it tsjerkefolk yn it algemien sa gleon is op Fryske preken. Der is grif gâns âlde wjerstân weiromme, mar dochs bistiet by in great tal minsken noch altyd twivel oft de ‘tale Kanaäns’ wol Frysk wêze kin; en ek de tsjinnichheit op groun fan it sosiael sentimint moat net ûnderskat wurde. Is it yn alle neamde gefallen mei it brûken fan it Frysk net gien as it slydjage, forheftige tsjinaksel hat der net mear west. Hiel oars lei it by de rjochtsbitsjinning. De foar it libben bineamde en ûnôfhinklike rjochter mei oan de iene kant ûnmisber wêze yn in rjochtssteat, oan de oare kant wurdt hy yn syn ûnoantaestberens licht in figuer dy't himsels op in to heech stuolte set mei in distânsje fan earbied to easkjen fan it gewoane folk. Yn Fryslân kriget sa'n distânsje noch mear reliëf troch it taelforskil. Nou hawwe der yn Fryslân binammen yn it liberale tiidrek wol rjochters west (mr. U.A. Evertsz en mr. Ph. van Blom, om dy twa mar to neamen) dy't alhiel net fij wiene fan hwat Frysk oan beide kanten fan de griene tafel, mar hja wiene útsûnderingen, en boppedat leine yn har tiid de maetskiplike forhâldingen noch hiel hwat fêster as yn dizze ieu. De forwoedenheit fan rjochter mr. Meihuizen yn de saek tsjin Haring Piebenga wie symptomatysk, sjoen ek de offisiële stipe dy't de man krige. Der is al earder hwat sein oer it yntellektueel oerwicht fan de mannen fan it Ljouwerter justysje-apparaet yn it Frysk Genoatskip. Dizze juristen fan kwizekwânsje meije ek sjoen wurde as de kearn fan de foarname keppel dy't fûleinich tsjin in erkende twataligens wie. By dy keppel hearden fansels noch wol oaren as rjochters en hege amtners, lyk as de âlde Van Harinxma; mar de rjochters stiene dochs it meast foaroan yn it front tsjin de Fryske pretinsjes, dy't hja fielden as in oanslach op har heechheit. Forskate fan harren wiene Friezen of troch in lang forbliuw yn Fryslân ynboargere. It wie lyk as yn Flaenderen, dêr't ek de stiifsettichste bistriders fan de taelemansipaesje Flamingen wiene yn hege posysjes. Mei dy klub fan grime hoekhâlders soe it útrinne op in moai great konflikt. | |
[pagina 359]
| |
It bigoun mei in lyts trelit. De bihearder fan de âldheitkeamer op it Hearrenfean, Douwe Miedema, frege yn 1949 in ynfjochting oan it Frysk Museum. Syn yn it Frysk skreaun briefke kaem tolânne by mr. P.C.J.A. Boeles, konservator fan de archeologyske en numismatyske ôfdieling. Dy syn antwurd bigoun mei de folgjende wurden: ‘Hoewel ik de gewoonte heb om Friese brieven onbeantwoord te laten, wil ik ditmaal in aanmerking nemen, dat uw schrijven blijkbaar niet aan mij was gericht’. Miedema, dy't ek journalist wie, achte dy bijegening misledigjend genôch om der in stikje oer yn de krante to setten. Der kaem hwat lulke skriuwerij oer yn guon blêdden, mar dêr bleau it ynearsten by. Doe't lykwols yn 1950 mr. Boeles net wer kaezen waerd as bistjûrslid fan it Frysk Genoatskip, dat hy fyftich jier west hie, en plak meitsje moast foar Jaep Kalma, hie dat wol hwat mei dat briefke to meitsjen. Der hie yn jierren net sa 'n drok bisochte gearkomste fan it Genoatskip west. Dat it bistjûr ûnder foarsitterskip fan mr. R.P. Cleveringa, presidint fan it gerjochtshof, sels mr. Boeles kwyt woe, wie op dat stuit net sa bikend. It wie ek net planút sein. Boeles wie doe yn syn sawnensawntichste. Pensionearre as riedshear by it gerjochtshof hied er him mei nammersto mear ynmoed wijd oan it hoedzjen fan it archeologysk materiael yn de kelders fan it Frysk Museum. It wie him al gau nei de bifrijing slagge dat út to wreidzjen mei de moaije samling fan de ‘dilettant’ H.J. Popping út Easterwâlde, doe't dy oppakt wie fanwegen syn oer alle boegen forkearde hâlding yn de oarlochsjierren. Al dat spul biwekke hy as in Cerberus. De kaeijen hold er ûnder him, sadat fan algemiene tagonklikens gjin sprake wie. Yn it bistjûr wiene dêr wol hurde wurden oer fallen, mar it hie neat jown. Forkrante wiene dizze dingen net, út earbied foar de man dy't sa tige syn fortsjinsten foar it Genoatskip hawn hie. Mar it koe fansels sa net langer. De swijsumens út takt makke dat somliken it oan 'e kant skouwen fan Boeles inkeld en allinne brochten op syn briefke oan Miedema. De miening dat immen as de skriuwer fan it standertwurk ‘Friesland tot de elfde eeuw’ om sa'n reden ôftanke wie, joech hwat konsternaesje en brocht in tsjinaksje op gong dêr't mr. Stheeman, âld-presidint fan de Ljouwerter rjochtbank, de lieding by hie. Yn it struibrief mei goed fjirtich nammen der ûnder waerd kundskip dien fan de oprjochting fan in komité dat de ‘grievende bejegening’ fan mr. Boeles ûngedien meitsje woe. Wol hie, sa stie yn it stik, it bistjûr fan it Frysk Genoatskip oanbean mr. Boeles foar to dragen as earelid, mar dat wie net genôch: hy moast ek syn bistjûrsfunksje weromkrije. It klonk frijhwat stoer, mar it wiene to greate wurden. It die al gau | |
[pagina 360]
| |
bliken dat Stheeman mear skreaun hie as er út namme fan de oare ûndertekeners forantwurdzje koe; mar folle slimmer foar him wie de forklearring fan it bistjûr fan it Genoatskip en de direkteur fan it Frysk Museum, dat it ‘onmogelijk was gebleken om op vreedzame wijze en vruchtdragend in het belang van het Genootschap en Museum met Mr. Boeles samen te werken’. It hege wurd wie der dan dochs útkommen. Hwat oerbleau wie in pynlik oantinken oan de lichtfeardigens en iensidigens fan mr. Stheeman, dy't net neijer fornommen hie nei de feiten en winlik syn freon Boeles fan de wâl yn de sleat holpen hie. Stheeman sil ek noch wol Jaep Kalma, Boeles syn opfolger, tofolle sjoen hawwe as de aktive biwegingsman, dy't er al in jiermannich net mear wie en to min as de altyd warbere skiedkundige en kompilator dêr't er him ta ûntjown hie. Foar it hwat yn it neigean rekke Genoatskip wie Kalma in greate oanwinst. De forleme slach wie foar Stheeman gjin reden om syn striid tsjin it Frysk op to jaen. Al mei gauwens liet er him wer hearre yn in moai lang ynstjûrd stik yn de Ljouwerter krante mei in klacht oer it feit dat yn in gearkomste fan it Frysk Genoatskip inkelde sprekkers har fan it Frysk bitsjinne hiene en ek troch waernimmend foarsitter Piter Sipma yn it Frysk biantwurde wiene. Hy woe ha, it soe de Friezen net frij stean har tael to brûken op plakken en yn formiddens dêr't net-Fryske Nederlanners der ‘hinder’ fan hiene. ‘Ik ontken vierkant het recht van Friezen om te eisen, dat wie hen in Friesland wil verstaan, maar Fries moet leren’. Hwerom soene de net-Fryske Nederlanners dy muoite dwaen moatte? ‘Alleen om van het getrappel van het Friese stokpaardje - men vergeve mij dit niet volkomen zuivere beeld - te genieten?’ De redaksje fan de Ljouwerter krante, dy't wol oankommen sjoen hie dat op dit stik hwat dalje komme soe, hat der in diskusje mei re- en duplyk fan makke. Stipe krige Stheeman mar in bytsje. It swakke punt fan dizze jurist wie, dat allinne mei nuvere kunstkes it Frysk him meitsje liet ta in winlik forbeane tael yn it bywêzen fan net-Friezen en by it offisium. En dy kant woed er út. Yn syn twadde stik sei er dat planút. Der moast neffens him ‘met vaste hand’ regaed makke wurde yn alle gefallen dat yn iepenbiere lichems gebrûk makke waerd fan it Frysk, lyk as dat nedich is by in ‘wespennest’. Hy sei ek noch dat de bilangen fan it Frysk wike moasten foar dy fan it Nederlânsk en gyng sels safier, in oanwinnend gebrûk fan it Frysk ‘een aanval op de Nederlandse eenheid’ to neamen. De dichter Douwe Tamminga neamde Stheeman mei it wurd fan Sipke Huismans in ‘lytse imperialist’; ynstjûrders as Piter Sipma en de doetiidske direkteur fan de | |
[pagina 361]
| |
Fryske Akademy Willem Kok namen him net ienris earnstich. Sipma antwurde wol konkreet op de retoaryske fraech fan Stheeman: Waar gaan wij heen met het Fries? mei de wurden: Nei emansipaesje en desintralisaesje. Mar hy, likeman as Kok, achte Stheemans miening, dat in Fryske kultuertael as in bidriging fan de Nederlânske ienheit jilde moast de muoite fan in bistriding wurdich. Nei de Hitlerjierren koe fan in biedwurd as ien keningin, ien folk, ien tael, ek min mear folle oertsjûgingskrêft útgean. Mannichien achte doe yn 'e maitiid fan 1951 dizze hiele diskusje amper mear aktueel. Dy Stheeman wie ek in tige âlde man; de skerpste puntsjes wiene der faeks al hwat ôf. Hja soene it noch itselde jier oars leare. |