Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 332]
| |
Bisetting en bifrijingDe opfolging fan Wumkes - Sipma syn eare-doktoraet - Jelle Brouwer professor yn Grins - Saxo-Frisia en de Fryske Rie - Reinder Brolsma syn forkearde priis - Gjin papier foar Fryske tydskriften - De Warnsbitinkingen - Huldiging fan Jan Hof - De Fryske bibel ré; greate gearkomsten yn Ljouwert - It lieteboekje ‘Fryslân Sjongt’ - Bigjin fan in Biwegingsried.Der moast yn 1940 in opfolger komme foar dr. Wumkes as bibliothekaris by de Provinsiale Bibliotheek. De Fryske biweging skoude ienriedich Jelle Hindriks Brouwer nei foaren. Brouwer, Frysk letterkundige en op it punt fan promovearjen steande filolooch, like ek wol hast foar elkenien de man dy't it bêst yn Wumkes syn plak komme koe. Hy wie wittenskiplik amtner op 'e Buma-bibliotheek en al jierren skriuwer fan de Fryske Underwysrie; en hy hie binammen troch syn skerp en moedich krantestikje oer Wûns en Warns dúdlik biwiisd oan de goede kant to stean. Mar it waerd gjin Brouwer; it waerd dr. Sj. Douma, in krekt promovearre klassikus en in op it Fryske mêd sahwat ûnbikende. Hoe't it krekt gien is, is by brek oan notulen fan de gearkomsten fan Deputearre Steaten net mear nei to gean. J.J. Kalma hat it ‘oer hwat lju as de anti-Frysksinnige mr. Haan en Sikkes bikokstoofd’ hawweGa naar eind224.. Brouwer sels leaut noch altyd dat it in partijbineaming west hat. Wumkes wie in man fan ‘rjochts’ en rjochts woe de funksje hâlde. Mar hwat woe Van Harinxma? Yn de bineaming fan Wumkes hie hy in great oanpart hawn en it is min oan to nimmen dat hy der ditkear stilswijend by sitten hat. Brouwer wie in Fryske biwegingsman, Douma reserve-ofsier, anti-revolusionair en in man fan oarder. Der is neffens Brouwer ek noch de mooglikheit dat Deputearren fan de Grinzer fakulteit fan de letteren heard hiene dat syn bineaming as professor oansteande wie. Hoe't it ek west hat, de protesten wiene fûl, ek út it Kristlik Selskip, al gyngen se fansels net tsjin Douma persoanlik. In fortretlik spul wie it ek mei it subsydzje oan de Fryske Akademy. It hie wol yn it earste Steatebislút stien dat de provinsiale bydrage foar it op gong bringen fan it wurk stadich ôfrinne soe; mar foar de Fryske biweging wie it in fikse ôfdijer doe't it bliken die dat Deputearren en letter ek de Steaten har oan dy kondysje hâlde woene. It waerd field as in ûnfreonlike died fan de kant fan de provinsje yn in tiid dat de measte | |
[pagina 333]
| |
‘particulieren’ wol oare soargen oan 'e holle hiene as it stypjen fan in Frysk wittenskiplik ynstitút. Dúdlik brek oan ynsjoch by Van Harinxma komt ta utering yn de kwestje fan Sipma syn eare-doktoraet. Sipma soe yn 1942 sawntich jier wurde en it grútsjen wie dat hy dan by syn ôfskie nei in tolvejierrich lektoraet yn it Frysk yn Grins in eare-doktoraet krije soe. Mar syn stalke yn Hamboarch, prof. Conrad Borchling fan de Hanseätyske universiteit, wie Grins foar en bea him yn 1941 in eare-doktoraet oan. Hwat moast Sipma dwaen? Hy wie in bona fide wittenskipsman en der siet oan him polityk neat forkeards. Mar sûnder hwat idelens wied er net; en koe hy in man as Borchling, âlde kunde ommers, ûnfreonlik bijegenje mei to bitankjen foar de eare, lyk as him fan mear as ien kant oanret waerd? Sipma is doe nei Van Harinxma stapt om ried; in better en feiliger adres wie der net. nei syn bitinkenGa naar eind225.. Oer it petear is neat nei bûten kommen, mar Sipma hat dêrnei it eare-doktoraet oannommen, en dat hied er grif net dien as Van Harinxma it him ôfret hie. It hat frijhwat opskuor jown, mar it is gau bilune. Sipma wie nou ienkear gjin homo politicus en fan Borchling hjitte it dat er gjin nazi wie. Efternei kin mei greate wissichheit sein wurde dat Sipma syn ûnskuld hiel hwat greater west hat as Borchling sines. Borchling, in man fan doedestiids djip yn de sechstich, hie al in lange steat fan tsjinst dy't him utersté net sjen lit as in man sûnder euvelmoed. Dr. A. Willemsen neamt him as adviseur fan rykskânselier Von Bethmann Hollweg yn de earste wrâldoarloch by dy syn stribjen om de Flamingen to winnen foar ien of oare foarm fan bliuwende forbounens mei DútsklânGa naar eind226.. Hindrik Algra, dy't foar de twadde wrâldoarloch ris mei him korrespondearre hat, bigriep fan him dat hy de nazi-biweging hwat ûnder syn nivo achteGa naar eind227.; dat wie doe noch de wenstige hâlding fan lju fan de âlde Dútsk-nasionale rjochting en, nei't letter foargoed bliken dien hat, foar har gjin bihindering foar help oan Hitler. Los hjirfan wie it gewoanwei sjesa, dat Dútske universiteiten yn 1941 net sûnder bybidoelingen eare-doktoraten forjoegen oan bûtenlanners. Sipma hat dat faeks net sa yn 'e rekken hawn, mar Van Harinxma hie it witte moatten. Winlik wie de died ek in stikje Dútske propaganda, bidoeld as oanmoediging fan Frysk aktivisme en as sadanich just rjochte tsjin Van Harinxma sels. Yn itselde jier 1941 waerd Jelle Brouwer oan de Grinzer universiteit bineamd ta heechlearaer yn it Frysk en Gotysk. Hy wie noch mar koart tofoaren, ek yn Grins, cum laude promovearre yn de letteren op de dissertaesje ‘Thet Autentica Riocht’. Sipma soe yn 1942 ophâlde en prof. Kapteyn stie ek foar syn emeritaet. Hjir wie dan einlings de folsleine | |
[pagina 334]
| |
Titelpagina fan de rede oer J.H. Halbertsma, dêr't dr. J.H. Brouwer op 18 oktober 1941 syn professoraet mei oangyng. *
Fryske learstoel dêr't al sa lang op oanstien wie. De blidens yn Fryslân wie lykwols ynearsten mongen mei hwat twivel: Den Haech bineamde langer professors net sûnder Dútske meiwurking. Lju dy't polityk suver wiene plichten net folle kâns mear to hawwen. Mar Kapteyn, sels alhiel op 'e forkearde koerts lyk as fierderop blike sil, skynt Brouwer by sikretaris-generael Van Dam oannimlik foarsteld to hawwen. Dêr kin lykwols mei efter sitten hawwe dat hy dr. Douwe Kalma, ek in gadingmakker, perfoarst net hawwe woe. Fan Dútske kant bistie sûnder mis de winsk by de Fryske biweging hwat yn in goed bledtsje to kommen. De kar fan de man dy't neffens de miening fan safollen mei ûnrjocht net Wumkes' opfolger wurden wie, like dêrta in gaedlik middel. Dat wiene lykwols omtinkens dêr't Brouwer sels bûten stie. By him hat binammen de trochslach jown it hast biswarrend birop dat presidint-kurator dr. J.E. van Welderen baron Rengers op him die: as jo in goede Nederlanner binne moatte jo de bineaming oannimme! Foar universiteitskuratoaren wie it yn dy dagen hiel hwat, de kâns to hawwen om in heechlearaer to krijen dy't sawol wittenskiplik treflik as polityk suver wie. | |
[pagina 335]
| |
Brouwer hat de bineaming akseptearre en op 18 oktober 1941 syn yntrérede holden oer Joast Hiddes Halbertsma as taelkundige. De twivel wie ûnderwilens wol bilune. By dizze ynauguraesje like it der noch even op as wie yn de universitaire wrâld alles by it âlde bleaun. Mear as skyn wie it net. Hwant yn it bigjin fan it jier hie der al heibel west oer it ûntslach fan de Joadske professors. Yn Grins wie de universiteitspoarte sletten foar de moai forneamde Leo Polak, dy't boppedat oppakt wie, nei't in pittich briefke fan sines via Kapteyn, dy't dat jier rektor-rnagnifikus wie, by de SD tolânne kommen wie. En al wie it yn Grins net ta in studintestaking kommen lyk as yn Leijen, de sfear wie fiks bidoarn. Sipma eare-doktor, Jelle Brouwer heechlearaer: it wiene hoe dan ek bisluten dy't hearden by in Dútsk propaganda-offensyf. In tredde died, dy't dêr folle dúdliker yn paste, wie in wike foar Brouwer syn ynauguraesje forkeard útpakt. Reinder Brolsma, winner fan in forkearde priis: om de drôvens fan dit forhael to bigripen is it nedich om to witten hoe't de gong fan saken yn de Fryske biweging west hie, sûnt sa om de jierwiksel fan 1940-1941 hinne de skieding tusken anti-Dútsk en pro-Dútsk har moai skerp bigoun ôf to tekenjen. Pro-Dútsk wie mar in lytse espel, al sieten der inkelde bikende nammen ûnder. Yn elts gefal wie de tastân ryp foar de bisettende macht en har hantlangers om der in organisaesjefoarm foar to finen. Nou wie yn jannewaris 1941 ta stân kommen de stifting Saxo-Frisia ûnder lieding fan prof. Kapteyn. Dat wie in oare stifting as in eardere fan deselde namme dy't in skoft it kultuer-histoarysk en folkskundich (en folslein ûnpolityk) tydskrift ‘Saxo-Frisia’ útjown hat. Kapteyn siet dêr ek mei yn en hat nea bisocht it ûnderskie dúdlik útkomme to litten. Dêr is neitiid in soad misbigryp út fuortkommen. De nije stifting paste yn it stadich op gong kommen stribjen om Nederlân foar it oanpart dat it letter krije soe yn it great-Germaensk ryk, wer yn syn âlde stamgebieten to fordielen: Saksen en Friezen yn it noardwesten, Franken yn it súdwesten. Dan bleau oer it ‘kosmopolitysk’ diel mei de greate stêdden dat ideologysk net heech yn oansjen stie en dêr't de oare stikken dan ek dúdlik fan skaet wurde moasten. It hat Kapteyn west dy't perfoarst Friezen en Saksen yn ien forbân hawwe woe. Yn dit skema krige de Fryske identiteit nou just net sa'n dúdlike klam; in ding dat Douwe Kiestra en syn maten mar min nei 't sin wie. Mar hja stiene net sterk. Dêr wiene foarearst de foaroarlochske forkiezingssifers dy't Fryslân sjen lieten as dúdlik wearzich fan it nasionael-sosialisme. En dêr oerhinne wie it rapport kommen fan dr. Arend Lang, dêr't yn stie dat Fryslân kultureel alhiel op Ingelân oriëntearre wie en dat de liedende minsken yn de Fryske biweging hast allegearre it nasionael-sosialisme | |
[pagina 336]
| |
Bledside út dr. Arend Lang syn nijsgjirrich rapport oer de Fryske biweging, dat er yn oktober 1940 oan Rauter stjûrd hat en dat dy wer taskikt hat oan Himmler. De Fryske biweging komt der moai skjin út wei, faeks in bytsje to skjin, hwant der binne fansels bûten de trije dy't Lang neamt noch wol in Fries of hwat mear troch de koer fallen. Hoe pro-Dútsk frou Van der Minne-Buma wie is net sa dúdlik; fêst stiet dat yn oarlochstiid somlike foaroansteande Dútskers by har en har man (NSB-lid) bern oan hûs wiene, mar fêst stiet ek dat hja needsinjalen plichte to jaen hwannear't foar dizze of jinge gefaer drige. En it is aerdich am to witten dat yn in bistjûrsgearkomste fan de Fryske Akademy yn it bigjin fan de bisettingstiid hja it wie dy't, nei in forhael fan Wumkes oer it bisiik fan Arend Lang en de kânsen dy't der nou wiene, warskôge der net to fier mei de Dútskers yn to silen (meidieling fan dr. J.H. Brouwer).
(Rijksinstituut voor oorlogsdocumentatie). | |
[pagina 337]
| |
forsmieten. It wie in geheim stik, mar by minsken as Himmler en ‘Sicherheitskommissar’ Rauter yn Den Haech, dy't it lêzen hiene, wie Fryslân der fiks mei út 'e gunst rekke. Lykwols, in treastpriis koe de Fryske oanhing dochs net ûntholden wurde en dy waerd foun yn de Fryske Rie fan Saxo-Frisia. Feitlik bistie dy Rie al yn febrewaris 1941, mar de tûkelteammen wiene pas sahwat opromme nei in moanne of trije, sadat de ‘offisiële’ oprjochting net earder as yn maeije barre koe. Yn dizze Fryske Rie waerd alles ûnderbrocht dat fan de Fryske biweging de nije oarder oanhong of der alteast net op tsjin wie. It wie hwat oerbleaun wie fan de Fryske Folkspartij, fierders Rintsje Sybesma syn nearzich klubke en noch in rige losse figueren, almeast fan it artistike mêd. Geart Ruiter, earder foarsitter fan de Fryske Mij. fan Lânbou en doe direkteur-generael fan Lânbou yn Den Haech, skynt oan dizze ‘oplossing’ tige meiwurke to hawwen. Lieder wie Douwe Kiestra, skriuwer S.J. van der Molen. Mar Kapteyn hat Van der Molen al moai gau nei Grins ta helle as skriuwer fan hiel Saxo-Frisia. Skriuwer fan de Fryske Rie waerd doe S.R. Sipma. Yn it bistjûr sieten fierder Geart Ruiter, Haring Piebenga en de archeolooch-antropolooch Assien Bohmers. Yn de letter bineamde Rie fan Bystân hiene û.o. Rintsje Sybesma, Reinder Brolsma, Lammert Popma en Yme Schuitmaker sitting. Der bistie in bliuwende ûnderhearrigens oan Saxo-Frisia; dat bitsjutte: oan prof. Kapteyn. Saxo-Frisia op syn bar wie ûnderdiel fan de Volksche (letter Germaansche) Werkgemeenschap. Yn noch greater forbân bihearde dizze Werkgemeenschap wer ta de Nederlânske SS. Bannen mei de Dútske SS bistiene via it saneamde Ahnenerbe, dêr't Haring Piebenga en Assien Bohmers fortsjinwurdigers fan wiene. Fan Dútske kant wie it stribjen Saxo-Frisia en de Fryske Rie as wurktugen to brûken om de SS-ideology furdich wurde to litten oer hiele Noardnederlân. Foar Fryslân wiene de foartekens daliks al ûngunstich. Sa moai wie it de Friezen earst foarholden; en nou sieten Douwe Kiestra en syn maten yn in feinterol op 'e twadde rang. Reinder Brolsma, earst ferver fan birop, hat him yn dit formidden ynhelje litten, net om't syn hert sa nei it nasionael-sosialisme útgyng, mar om't er him forwezen fêstklamme oan syn swier woune posysje fan journalist en feuilletonist. Hy seach Dútsklân wol winnen en hy hie to min minsken om him hinne dy't fûleinich bisochten him op it goede paed to hâlden. Al gau skreau er op de wize sa't de nije hearen it graech lije mochten: yn de kranten fan Hepkema en ‘It Fryske Folk’. Sa kaem it dat hy sahwat it paradehynder waerd fan de Fryske Rie. Dy slagge it de NSB-er dr. T. Goedewaagen, lieder fan it nije departemint fan ‘Volks- | |
[pagina 338]
| |
voorlichting en Kunsten’ safier to krijen dat hy die hwat it foaroarlochsk provinsiael bistjûr út nearhertichheit en brek oan fantasy altyd neilitten hie: hinnegean en stel in priis yn foar Fryske literatuer. It wie de ‘Harmen Sytstra-priis’ en dy waerd foar de earste kear oan Brolsma takend. Nou hie Brolsma in literaire priis dûbeld en dwers fortsjinne, binammen foar syn al neamde roman ‘Groun en Minsken’. Mar dizze priis kaem foargoed út de forkearde hoeke en wie sa dúdlik in stikje nasionael-sosialistyske propaganda, dat Brolsma it alhielendal bidoar by syn freonen en biwûnderers doe't er him oannaem. Der kaem in Brolsma-nûmer út fan ‘It Fryske Folk’ en op 11 oktober soe Goedewaagen oanwêzich wêze op it greate feest om sels de priis út to rikken. It waerd in mislearring. De Fryske biweging, bûten it keppeltsje dat de nije oarder oanhong, hat har by it feest ôfsidich holden. ‘Om misforstân foar to kommen of wei to nimmen diele wy mei dat it twamanskip en de selskippen efter it twamanskip, dos praktysk likernôch de hiele Fryske biweging, neat út to stean hawwe mei de takenning fen 'e saneamde Harmen Sytstrapriis oan R. Brolsma, noch mei de hildiging ... fen dy skriuwer’, hie it Twamanskip fan tofoaren witte litten oan syn korrespondinten. De seal wie lang net fol en fortoande yn forhâlding in soad Dútske unifoarmen. De iennichste dy't faeks noch hwat tofreden wie, wie Yme Schuitmaker; hy hie in ploechje by mekoarren krige foar in útfiering fan syn ûnforslytbere revu ‘Fryske Trou’, en koe him beakerje yn it sukses dat dy binammen by de Dútske gasten hie. Mar by it diner, dêr't earst op tusken de hûndert en twahûndert gasten rekkene wie, sieten lang om let mar 36 minsken oan, fan hwa sawn famyljeleden fan Brolsma en tsien fan bûten FryslânGa naar eind228.. Brolsma hat letter, to let, bigrepen dat er himsels forkocht hie. Hy hat sûnt net folle wille mear hawn. It sil wol mei troch it misbitearen fan it Brolsma-feest kommen wêze dat fan jannewaris 1942 ôf gjin Fryske tydskriften mear forskine mochten, al joech it Dútsk biwâld papierkrapte as reden op. Dat ‘Yn ús Eigen Tael’ fan it Kristlik Selskip noch in moannemannich útkommen is hat in forsom west fan dat biwâld; mar dat hat it gau forholpen mei it opjaen fan in adfortinsje dêr't yn oproppen waerd foar it tsjinstnimmen oan it eastfront. It Kristlik Selskip hat doe de eare mar oan himsels holden. Wol trochforskine mocht fansels ‘It Fryske Folk’, dat sels mear en better papier krige. Lieder Douwe Kiestra koe der syn ljocht yn skine litte en fierders skreauwen der yn minsken as dr. Douwe Kalma, Rintsje Sybesma, Reinder Brolsma, de SS-dichter Willem Terpstra en Klaes Sierksma, saekkundich op it mêd fan de banistyk en heraldyk en winlik doe ien fan de meast ûnfrisse figueren. In hwat ûnforwachte meiwurker wie Willem | |
[pagina 339]
| |
Doe't alle Fryske blêdden en tydskriften, It Fryske Folk net útsletten, al opholden wiene to forskinen koe troch in nuvere Dútske goedgunstigens (of sleauwens) it Frysk Jongereinblêd noch altyd útkomme. Oan de ynhâld lei it net. *
Hielkema, in foaroansteand redakteur fan de Hepkema-blêdden, dy't him earder yn it Selskip-1844 fortsjinstlik makke hie. Hy hat him grif in stikhinne liede litten troch de konjunktuer, mar wie fan tofoaren ek al in biwûnderer fan prof. Kapteyn en Hermann Wirth. In wûnderlik ding hat west it trochforskinen (oan july 1944 ta) fan it ‘Algemien Jongereinblêd’, orgaen fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Is it forgetten, krektlyk as (yn it earstoan) ‘Yn ús Eigen Tael’? Dat is it grif net. De forklearring fan it riedling is nei alle gedachten, dat it printe waerd by itselde bidriuw yn Grou dêr't ek ‘It Fryske Folk’ weikaem en dêr't Lieuwe Brolsma, in soan fan Reinder, firmant fan wie. Mar it Jongereinblêd wie perfoarst net forkeard: en fan Lieuwe Brolsma (stoarn yn 1976), dy't ek yn de lieding fan it Jongereinbou siet, sizze alle tsjûgen dat hy bitroud wie en solidair. It tal meistanners fan de Fryske Rie fan Saxo-Frisia hat lyts west. ‘It Fryske Folk’ waerd printe yn in oplaech fan twahûndert eksemplaren, mar it tal biteljende abonné's hat nea net folle boppe de fjirtich lein. Hwat fierdere publisiteit hie it klubke út en troch noch yn de ‘Friesche Cou- | |
[pagina 340]
| |
rant’, dêr't yn de twadde helte fan 1942 de Ljouwerter krante en it Ljouwerter nijsblêd yn opgien wiene: de NSB-er en eardere Jongfries S.D. de Jong wie der haedredakteur fan en ek Willem Hielkema hie der in foaroansteande posysje by. Sa binne de minsken, dy't nou ienkear net sûnder krante koene, noch hwat gewaer wurden fan de twa Warns-bitinkingen, yn 1942 en 1943. Nijsgjirrich hawwe dy bitinkingen mei har greate wurden en lytse opkomst - allinne troch it meidwaen fan de ‘Landstand’-boereskoalle to Riis (direkteur Haring Tjittes Piebenga) like it de earste kear noch hwat - dochs wol west troch de klam dy't de sprekkers leine op it plak, de eigenheit en de rjochten fan Fryslân. It gyng yn tsjin hwat de Dútskers langer woene, ntl. gjin dúdlik profilearre Fryslân dêr't, hwa wit, ek de Dútske Fryslannen hwat yn sjen soene. It gyng ek yn tsjin hwat de NSB (of alteast Mussert) woe, ntl. de forwêzentliking fan Great-Nederlân (‘Dietsland’), dêr't hwat Fryske apartens nou net sa krekt yn paste en dêr't nammers de Dútskers neat fan hawwe moasten. Feitlik hat de twadde Warnsbitinking sa likernôch de útsetter west fan de publike uteringen fan de Fryske Rie. S.J. van der Molen wie der al troch rúzje mei Kapteyn útrekke en Douwe Kiestra stie faei om't er wegere de ied op. Hitler ôf to lizzen, dêr't er as lieder fan in ta de SS hearrende organisaesje ta forplichte wie. De Fryske Rie hat altyd fêstholden oan syn inkeld en allinne op it Fryske bilang rjochte opfettingen. It wie in hâlding dy't forstive neigeraden dat de oarlochskânsen kearden en it Greatgermaensk ryk mear en mear in dreambyld waerd. Kapteyn hat der syn argewaesje fan hawn en syn spul mei S.J. van der Molen kaem dêr ek út fuort. It hat Van der Molen syn goed bitelle skriuwerskip fan Saxo-Frisia koste. Der moat al by sein wurde dat de ‘karavaen’, dy't er yn 1940 sa ûnkearber fierder gean seach, ûnderwilens tsjinholden wie en sels werom moast. Yn 1942 hied er noch de kopij fan it ‘Frysk Studinte-almenak’ foar 1943 as in goede tsjinstfeint bioardiele troch dêr op skrandere wize alles yn to signalearjen hwat yn en tusken de rigels net noflik wie foar de bisetter of de Fryske Rie. It ‘oanpast’ almenak hie forskine mocht, mar de studinten hawwe sa wiis west dêr fan ôf to sjen. It is ûnforoare opnommen yn it almenak fan 1946, mei Van der Molen syn rapport. As ‘deserteur’ hat Van der Molen neitiid noch foargoed syn swierrichheden hawn. Hwa minske kin yn de herten lêze? It hat wol eigenskip noch even nei in mannich oare lju út de Fryske Rie to sjen. Douwe Kalma hat wol witten hwerom't er yn 1943 de Harmen Sytstra-priis wegereGa naar eind229.. Hy hiehiel goed foar de geast dat er nei de | |
[pagina 341]
| |
oarloch ryklik genôch op to klearjen hawwe soe om der nou noch in forkearde priis op ta to nimmen. It is oars wol wier dat Douwe Kalma, nei syn mislearre bisykjen om lieder fan de Fryske biweging to wurden, himsels yn de bisettingstiid fierder hwat op de eftergroun holden hat. Mar dat hat er syn hiele libben dien yn suver alle gefallen dat er sels net op in eareplak siet. Mei Douwe Kiestra wie it in oar gefal. Hy hat nuvere dingen sein en skreaun en organisatoarysk hat er heard ta sahwat alles hwat forkeard wie. Mar forskate lju dy't him yn de bisettingstiid hwat yn syn gongen folgje kinnen hiene, hawwe letter tsjûge dat er de styl, dy't er akseptearre hie en ek propagearre, sels nea as rjochtline nommen hie. Doe't it mei Hitler syn oarloch bigoun mis to rinnen, hat er him net fan syn maten ôfkeare wollen. Mar it ûntgyng him langer net, hoe tige ek de Friezen to lijen hiene ûnder it skrikbiwâld fan de bisetter en yn syn wenplak Tersoal stie hy bitiden earder nêst de yllegaliteit as der foar oer. Ut de SS is hy lang om let skrast en syn balstjurrige Fryske Rie is ûntboun yn 1944. Rintsje Sybesma hat ûnforbetterlik west oan it lêst ta. Hy hie gjin rjochte partij mear sûnt it fordwinen yn 1941 fan majoar Kruyt syn NSNAP, om't de NSB en alles hwat dêr oan fêsthong him net oanstie. Mar stiper fan de SS waerd er wol en letter hat er sels noch ta de Landwacht heard. Fûleinich oan 'e bittere ein ta hat ek Haring Piebenga west dy't hwat syn rasistyske idéen oanbilanget, it type fan de Dútske nazi it meast binei kaem. Noch in oarenien dy't trou west hat oan de bisetter en dy syn ideology oant hast yn it absurde wie S.D. de Jong. It hat der in soad fan dat hy, dy't sa lang swalke hie tusken libbens- en wrâldskôgingen, him mar al to graech klamme hat oan de fêstichheit dy't Hitler der yndruide. Hy hat dy ek yn syn haedartikel yn it lêste nûmer fan de ‘Friesche Courant’ net priisjaen wollen. Lyk as sein is wied er NSB-er. Hy hat ek noch skriuwer west fan de Fryske Rie; sa stie it alteast yn syn daging foar it tribunael nei de oarloch. It ophâlden fan de Fryske tydskriften yn 1942 hat fansels in fierdere tobekset bitsjutten foar it Frysk kultureel libben. Underwilens (yn novimber 1941) wie ek de Kultuerkeamer, dêr't alle kunstners en kunstsinnige forieningen dy't har uterje woene by oansletten wêze moasten, oprjochte. Dy hat lykwols frijhwat tiid nedich hawn om har gesach rounom fiele to litten. Sa hat yn Fryslân yn it winterseizoen 1941/1942 noch hiel hwat barre kinnen bûten de Kultuerkeamer om. In enoarm sukses waerden de útfieringen to Ljouwert fan it sjongspul Roaitske, tekst fan J.P. Wiersma en muzyk fan J. Slofstra. It wie as bigriepen de minsken dat it mei dit soarte fordivedaesje ynkoarten wolris út wêze koe. Hwat riedselich | |
[pagina 342]
| |
is hoe't it mooglik west hat folle mear as in jier letter noch in Roaitske-útfiering to jaen foar de Frysk-nasjonale Jongerein. Nou hat it net sa west dat elkenien konsekwint kontakten mei de Kultuerkeamer mijde. In man as Yme Schuitmaker seach yn oansluting by de Kultuerkeamer hielendal gjin kwea en hat noch wolris hwat forieningen meikrige. En Jaep Kalma hat sa altomets nei Selskipskriten reizgje moatten om dy yn har nocht oan toanielspyljen op it goede paed to hâlden. Hielendal stil stie it kritelibben net, en fan de greate flecht fan de folk- en gea-leargongen is al gewach makke. Mar it stik kultureel libben spile him mear en mear yn it forhoalene ôf. In bysûnder barren hat west de huldiging fan Jan Jelles Hof, dy't op 27 oktober 1942 sawntich waerd. De fjouwer dielen fan syn tinkskriftenGa naar eind230. wiene doe al útkommen, wichtich om it ljocht dat hja smieten op syn tiid en syn persoan, mar ek fanwegen it geve Frysk dêr't se yn skreaun wiene. Winlik wiene dit de earste goede memoires fan in foarman fan de Fryske biweging; in man dy't nou ek rekkenskip die fan syn striid tsjin Douwe Kalma en sa mannich Jongfryske pretinsjes. Sûnt hy út syn funksjes, út de Fryske biweging stapt wie, in jier of tsien earder, wie it stil om him wurden; nou, ûnder de opleine rêst fan de bisetting, wie de tiid wol kommen foar in rjochtfeardich oardiel. J.H. Brouwer hie alris earder, doe't de rige fan fjouwer boeken noch net folslein wie, yn in Jongerein-gearkomste him de eare jown dy't him takaem. De huldigingsgearkomste yn Ljouwert stie ûnder lieding fan Jaep Kalma; sprekkers wiene Jelle Brouwer (Hof as taelman) en Jan Piebenga (fisy fan de jongerein op Hof). Douwe Tamminga lies foar út Hof syn wurk, mei dêrby mannich staeltsje fan syn iroanyske krityk op de Jongfriezen. It wie ek in formoedsoening mei in man, hwaens fortsjinsten neigeraden dúdliker wurden wiene sûnt er sels it strijdperk forlitten hie. Douwe Kalma wie der net by, mar dy hat yn 1943 yn syn ‘Koarte ynlieding ta J.J. Hof's Fjirtich jier taelstriid’ wol in nijsgjirrich kommentaer levere op Hof syn fjouwer dielen. Aloan waerd it stiller op it kulturele mêd, mar nammersto mear klam krigen somlike dingen dy't dochs noch trochgyngen. Yn 'e maitiid fan 1943 koe it lieteboekje ‘Fryslân Sjongt’ útkomme, in greate samling yn lyts formaet. De muzykkommisje fan de Studintefederaesje hie de útjefte taret, mar de man dy't it greatste part fan it wurk dien hie wie H.K. Schippers út Drachten. Hy hat mei de hân hawn yn de grafyske forsoarging fan de muzyk en wie tagelyk in ûnmisbere skeakel mei de printerij fan Laverman. Nei de forskining hat hy ek op forskate plakken de bondel yntrodusearre; fan gefolgen fleach it boekje de doar út en wie it al nei in jier oan in twadde printinge ta. | |
[pagina 343]
| |
It programma fan de Fryske Bibeldei, midden yn 'e oarloch (29 septimber 1943). Hjir wiene de earste bibels to sjen yn de oersetting fan Wumkes en Folkertsma. *
In wichtiger feit noch wie yn 1943 it útkommen fan de folsleine Fryske bibel. It hie hwat langer duorre as earst tocht wie. Wumkes wie mei it oersetten fan it Alde Testamint al rékommen yn 1934; it wie it lêste en it dreechste krewei. Mar lyk as meidield is hie Wumkes as Frysk taelkenner, revisor en feitlik einredakteur Folkertsma nêst him. En by dy einde it net sa hurd. Der wie noch faek dreech oerliz nedich. It Bibelgenoatskip hie de útjefte op syn noed nommen en der wie, doe't de tekst einlings ré wie, wer alle meiwurking fan de professionele bibelprinter Jongbloed. Sa koe it bistjûr fan it Kristlik Selskip de tsjerkerieden en -bistjûren fan alle konfesjes yn Fryslân útnoegje foar in gearkomste yn de Greate Tsjerke to Ljouwert op 29 septimber 1943; winlik it doopfeest fan de Fryske bibel. De tarin wie sa great dat yn sawn haesten ek noch de Westertsjerke foar de minsken iependien wurde moast. It programma wie sober. W.J. Kooiman fan it Bibelgenoatskip hold in taspraek, Douwe Tamminga lies foar út it boek Job en der waerd in kantate útfierd op de wize en de forfryske tekst fan it Lutherliet: In sterke festing is ús God, yn de biwurking fan Bernard Smilde en ûnder lieding fan George Stam. It wie, yn in tiid fan binearing, in greate dei; net allinne foar it Kristlik Selskip dat nei lange jierren einlings ien fan syn wichtichste doelen forwêzentlike | |
[pagina 344]
| |
It birjocht oer it deasjitten fan Jan Eisenga (en oaren) yn 'e Hepkema's krante. *
hie, mar foar hiele Fryslân. Hwant oan it meast gongbere kritearium foar in kultuertael, de dêryn oersette en ôfprinte bibel, wie nou ek foar it Frysk foldien, al hie it trije ieuwen earder wêze moatten. Tiid fan binearing: dy wie foargoed bigoun mei de stakingen ein april en bigjin maeije 1943, dêr't Fryslân in great oanpart yn hawn hie. Hwat by de bisetter tofoaren noch oan tolerânsje oerbleaun wie, wie súnt moai aerdich fordwoun. Under de slachtoffers fan de reboelje wie ek in aktyf haedbistjûrslid fan it Selskip-1844, Jan Eisenga fan de Gordyk; in ûnthjittend man dy't, doe't er oppakt wie, net mei forlechjes kaem en it dêrtroch nei alle gedachten de Dútskers hwat to maklik makke hat. It forlies wie binammen great om't it Selskip-1844 dochs al net sa'n great kader hie. It forieningslibben kaem langer sa likernôch stil to lizzen: forset oan 'e iene kant en terreur oan de oare kant krigen de oerhân, nou't Dútsklân op alle fronten forlear en de propaganda gjin útwurking mear hie. It Twamanskip bigoun yn dizze snuorje hwat út elkoar to driuwen. It hie wol trocharbeide al dy tiid, net al to iepentlik en duorjend balansearjend op 'e grins fan hwat it Dútsk biwâld forneare koe. As in hwat | |
[pagina 345]
| |
Jan Eisenga en Tsjits Eisenga-de Groot yn 1933. *
wûnderlike trait d'union hie sa út en troch tsjinst dien mefrou Van der Minne-Buma (earder: Quarles van Ufford-Buma), dy't troch har twadde man, de archivaris mr. A. van der Minne, yn de NSB-rounte bidarre wie en mei't hja de ‘Beauftragte’ Werner Ross, Arend Lang en noch oaren altomets ris oer de flier hie, wolris hwat fortelle koe. Mar nou't it dúdlik waerd dat Dútsklân forlieze soe, rekken Jaep Kalma en Eeltsje Folkertsma hwat ûnienich. Oft lykwols it Twamanskip hielendal út mekoarren rekke is lyk as Jaep Kalma seitGa naar eind231. is neffens syn eigen biskriuwing hwat ûnwis. Fêst stiet dat hy en Folkertsma it net iens wiene oer hwat nei de oarloch barre moast. Kalma, dy't ek yn de Nederlandse Unie sitten hie, woe út op ienheit en ferge Folkertsma der op dat dy de antithese sjitte litte soe. Folkertsma koe dat net en woe dat net, hoe great syn réens ek wie om op de iene of oare wize de forbounens fan de Selskippen to hanthavenjen, ek nei de oarloch. Fan Jaep Kalma kriget men de yndruk dat hy ûnder bislach wie fan de greatheit fan de tiid en wearzge fan it foarútsjoch dat de Fryske biweging wer ta har âlde spjaltenens tobekfalle soe. Hysels wie ek yn it forset rekke en syn wiidfiemjende idéen fan hwat barre moast as de nazi-hearskippij ienkear oan de woartel ta útroege wie, rikten fier oer de grinzen fan it heitelân hinne. Yn elts gefal hat Kalma wol meiwurke oan it slagjen fan Folkertsma syn bisykjen om noch yn de bisettingstiid in soarte fan biwegingsrie to stiftsjen. Op papier is dat better slagge as feitlik (gâns minsken wennen net op fêste adressen), mar it hat dochs út namme fan dizze rie west dat | |
[pagina 346]
| |
Side 2 fan de yn it lêst fan de bisettingstiid gearstalde en nei de bifrijing útkommen bondel rapporten fan de Fryske biweging, dêr't op to lêzen is hwatfoar rapporten der wiene en hwa't de opstellers wiene. *
Kalma en Folkertsma mei as tredde man ir. K.A. Rienks en mei help fan in rychje seakkundige leden in bondel rapporten ré krigen, bidoeld as rjochtline foar hwat nei de bisettingstiid Fryslân to bistribjen hie. Doe't mids april 1945 de Kanadezen ûnder einleaze jubel Hitler syn ûnfris naesje fan forloederde amtners, polysje en soldaten Fryslân út reagen, hie de Fryske biweging op in lyts part nei gjin reden om har biskamme to fielen oer har hâlding yn fiif jierren fan bisiking. |
|