Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 319]
| |
It bigijn fan de bisettingstiidHúsbisiik by Wumkes - It july-manifest - Eastfryske fûgelers - Douwe Kalma stapt oer - It trijemanskip - Dea en bigraffenis fan Jan Melles van der Goot - Wûns en Warns - It twamanskip - Twiljocht om Van Harinxma.Pinkstermoandei 1940: de kanonnen droanden noch op de Ofslútdyk, doe't foar it hûs fan dr. Wumkes oan de Huzumerieane in greate auto hold mei in Dútsk nûmerboerd. Wumkes krige húsbisiik; en it wie net yn in sucht ôfroun. Hindrik Algra docht it forhaelGa naar eind211.; hy wie Wumkes syn oerbuorman en hie der it gesicht op. Hwat soe dat bitsjutte? Doe't de bisiker fuort wie kaem Wumkes der út, nei't Algra bigriep tige ré foar in buorpraetsje. Hy fortelde dat hy dr. Arend Lang oer de flier hawn hie en dat neffens dy de Friezen mar sizze moasten hwat hja woene; hja soene nou alles krije hwat oant nou ta yn Den Haech net to heljen like. Wumkes wie in man dy't folle wist en folle koe; mar faeks wie polityk ynsjoch syn sterkste punt net. Boppedat hied er bytiden muoite syn fantasy hwat yn de stringen to hâlden; binammen hwannear't er mei syn geast by Fryslâns greatheit forpoaze. Ut Algra syn forhael moat men bigripe hat hy alhiel optein wie en der wol nuver fan opharke, doe't er to hearren krige dat hy winlik útnoege wie ta lânforrie. Hat Algra him dêrfan wjerholden? Sa't hy it fortelt soe men it hast leauwe moatte. In bytsje ûnwierskynlik is dat wol, al kin it wêze dat Wumkes yn de earste oarlochsdagen hwat op 'e doele wie. Hy wie wolris ryklik nayf. Faeks hat de fluenske prater, dy't Arend Lang wie, him hwat forbjustere, mar hy wist genôch oer it Flaemsk aktivisme yn de earste wrâldoarloch en de wize hwerop it dêrmei misbiteard wie, om ek sûnder in Algra gau to bitommeljen. Wol hat hy nei alle gedachten de earste foaroansteande Fries west dy't yn de forlieding brocht is om him to bijaen yn in soarte fan Frysk aktivisme. Hy soe de lêste net wêze. Unstjûr yn de geasten wie der yn dy maeijemoanne ek yn Fryslân genôch. Navenant hie de krisis de minsken hjir slim oanpakt; en it fortsjen fan keningin en regear nei Ingelân waerd yn ús kontreijen net better bigrepen as yn oare dielen fan Nederlân. Ek yn Fryslân hawwe der yn it earstoan genôch minsken west dy't wol leauwe woene dat Dútsklân foar in rige fan jierren de oerhân hâlde soe en dat der net folle oars opsiet as jin dêryn to skikken, hoe bitter it ek wie. Dat bitsjutte lykwols noch gjin réens om de bisetter yn alles to wille to wêzen. Algemien libbe in fûle hate | |
[pagina 320]
| |
De Dútske ynfal in kwestje fan macht mear as fan rjocht? Lêste part fan Jan Melles van der Goot syn artikel yn it nûmer fan It Fryske Folk fan juny 1940. Hy is der foar op it Rykskommissariaet yn Den Haech ûntbean. Fan hwat hy dêr to hearren krige hat is neat bikend wurden, mar gammel op reis gien is er siik weromkommen en neitiid hat er noch mar in wykmannich libbe. *
tsjin minsken en partijen dy't mei it kommen fan de Dútskers ynstimd hiene en fan dy't fierdersoan hantlangerstsjinsten forwachte wurde koene. Lyk as al sein is, bitsjutte de NSB yn Fryslân suver neat. It persintaezje stimmen (1.69)Ga naar eind212. wie it leechste fan alle provinsjes, op Brabân nei; mar dêr hie Arnold Meijer syn Zwart Front nochal hwat stimmen forgarre. Fryslân ûnderskaette him dêrmei ek gunstich fan Grinslân (5.2%) en binammen fan Drinte (8.64%). Wol wie ûnderwilens yn Fryslân de Fryske Folkspartij ûntstien, mar hoe nasionael-sosialistysk wie dy yn oanliz en hoefolle of hoe'n bytsje Friezen stiene der efter? Op de iene fraech hat Van der Goot sels sahwat in antwurd jown yn it juny-nûmer fan ‘It Fryske Folk’, it earste dat útkaem nei de Dútske oerfal. Hy hie leaver hawn dat Nederlân yn oarloch wie mei Ingelân en Frankryk ynpleats fan mei Dútsklân; hy wie it ek iens mei folle dingen dy't de Dútskers bistribben. Mar foar de oerfal op Nederlân bistie neffens him gjin rjochtfeardiging; en hy wie bang dat Dútsklân hwat tofolle oan macht leaude en hwat to min oan rjocht. Hantlangerstael wie dat nou just net. Op de fraech hoe machtich de Folkspartij wie, koe nei wierheit antwurde wurde dat it ledetal drôvige lyts wie. | |
[pagina 321]
| |
Yn elts gefal forklearret sa'n stik fan Van der Goot, hwerom't him ûnder it Frysksinnige diel fan de bifolking yn dy bigjintiid net fuortendaliks in dúdlike skieding fan de geasten ôftekene. Alle rjochtingen dielden yn de winsk om ûnder de nije omstannichheden de eigen identiteit klear útkomme to litten. De Selskippen waerden it der al gau oer iens dat hja net stribje soene nei oarlochswinst. In ôfspraek hjiroer hie alle eigenskip yn forbân mei it bisykjen fan in rychje Dútske seinboaden om hjir in stik Frysk aktivisme los to meitsjen. Arend Lang wie de iennichste net. Dêroer daliks mear. De ienriedigens yn de earste moannen komt ta utering yn in op 8 july publisearre manifest, opsteld fan Folkertsma. ‘Fryslân libbet, ... âld Germaensk folk as it is, en it striidt de ieuwene striid for syn bistean, syn karakter, syn ûntjowing, syn nationale rjuchten en bilangen’. En fierder: ‘Sa'n greate stoarmige tiid kin in folk allinne treast wêze as it geef en soun is, woartel hat yn 'e ieuwen, trou bliuwt oan syn histoaryske ropping, himsels wêze doar, helthaftich libbet en striidt. Wês Fries. Hab frijheit, karakter, eare. Forbrek jim net. Eangje gjin tiid, noch ûnwissichheit, noch it biskikte. Kom alderearst op for jimme eigen bilangen, Fryslân sines: de ekonomyske, de soasjale, de steatkundige, de kulturele’. En op 't lêst: ‘Lit ús meiinoar oparbeidzje, elk op syn plak, oan Fryske kultuer, wittenskip en kinst. Striid mei for de rjuchten fen de Fryske folkstael yn skoalle, tsjerke, rjuchtspraek en bistjûr. Striid mei ús for eigen Fryskkindige amptners en foarmannen, striid mei ús tsjin alle kultureel en polityk sintralisme...’. Der stiene 45 nammen ûnder fan fûgels fan ûnderskate fear: E.B. Folkertsma en J.M. van der Goot, dr. D. Kalma en dr. W. Kok, Douwe Kiestra en Fedde Schurer, J.H. Brouwer en R.P. Sybesma, Haring Piebenga en Barend van der Veen, D.A. Tamminga en J.J. van Weringh, Jan Walings Dykstra en S.J. van der Molen, S.E. Wendelaar Bonga en S.D. de Jong. It manifest, skreaun yn de biswarrende Folkertsma-styl, is oan de iene kant in typysk tiids-dokumint, mar oan 'e oare kant ek in stikje taktyk. It kiest net foar de nije oarder. It keart him ek net tjsin de âlde oarder. De term ‘âld Germaensk folk’ is minder in bûgemint foar de Dútskers as in oansizzing yn har eigen idioom om witte to litten mei hwa't hja to dwaen hawwe: in lân en in folk dy't al mannich stoarm trochstien hawwe en har nou geastlik tarisse om it op 'en nij to dwaen. It dokumint moat forstien wurde yn 'e geast fan de tiid dêr't it yn opsteld is. De oarloch stie ynearsten wer stil en de earste kjellens wie oer. Der bigoun him in Dútsk boargerlik bistjûr to ynstallearjen, mar dat socht noch om in passende styl. De Selskippen funksionearren noch, de | |
[pagina 322]
| |
tydskriften forskynden noch, diskusje wie noch mooglik. Ta in soarte konfrontaesje wie it noch net kommen. By it manifest hearde in program dat it hat oer in rjochtfeardiger forparte folksynkommen, in forbettering fan de Fryske ekonomy, desintralisaesje en Frysk ûnderwiis op alle skoallen fan heech ta leech, mar dêr't in foroaring fan it steatsforbân dúdlik yn ôfwiisd wurdt. Mei oare wurden: Fryslân net tsjin Hollân. Neigeraden dat de simmer hege, naem de druk op de liedende minsken fan de Fryske biweging ta. Wol ynstallearre him pas op 1 augustus Seyss Inquart syn ‘Beaufragte’ Werner Ross yn Ljouwert (mei syn ‘Pressereferent’ Weidlich), mar Arend Lang wie der sa't men wit al folle earder en hy hie der ûnderwilens in pear maten bykrige: dr. H.R. Carsten en dr. Willy Krogmann, filologen allebeide. Hwa hie harren stjûrd? Arend Lang wie in medikus fan Eastfryske komôf mei relaesjes yn Westerlauwersk Fryslân, ek troch syn publikaesjes. Hy hie sûnt 1938 in baen by de stêd Wenen, mar liket dochs binammen partijman west to hawwen (lid NSDAP fan 1931 ôf). Hy kaem hjirhinne as agint fan de Sicherheitsdienst en mei in opdracht fan it saneamde Rasse- und Siedlungshauptamt om oer de Fryske biweging rapport út to bringen. Fan Krogmann en Carsten is allinne bikend dat hja yn Fryslân taholden mei in opdracht fan it Reichskommissariat yn Den Haech. Hja kamen fan ien of oar ûndúdlik buro yn Berlyn, mar wiene as Eastfriezen hjir, likegoed as Arend Lang, op bikend terrein. Hja reizgen yn de simmer fan 1940 keatspartijen en oare folksfeesten ôf en sochten flitich Fryske foaroanmannen op hwerby't hja rojael wiene mei ûnthjitten, al wie de kondysje dan fansels wol in soarte bikearing ta de Germaenske nije oarder dêr't de Friezen in heech plak yn krije soene. Greate foardielen leine nammers daliks to wachtsjen. ‘Jild koe men krije, boargemastersfunksjes, ensfh. As wy mar meidiene’Ga naar eind213.. It wie foar dizze Dútskers de romantyk fan it bigjin, doe't foar harren alles noch fleurich like en de nije oarder him noch net sa dúdlik ôftekene. Seyss Inquart hie op 29 juny alris yn Fryslân west om de pleats fan H.T. Oostenbrug to Ryptsjerk to bisjen; en op 31 july kaem sawier ‘Reichsführer’ Heinrich Himmler yn it selskip fan Hermann Conring, de ‘Beauftragte’ yn Grinslân, op bisiik op deselde pleats. De Eastfries Conring hie ek niget sjoen oan Fryslân. It soe bêst wêze kinne dat hy de hân hawn hat yn de ‘missy’ fan syn maten Krogmann en Carsten. Foar de Fryske biweging wiene al dizze dingen dúdlike oanwizingen om op har iepenst to wêzen. Dêr leit de forklearring foar it ûntstean fan it Trijemanskip. Douwe Kalma dy't, alhoewol gjin haedbistjûrslid, himsels doch tige nei foaren | |
[pagina 323]
| |
skoude yn it Selskip-1844, stie op 24 july yn in gearkomste fan dit Selskip tige oan op in fusy mei it Kristlik Selskip. Dat it dy kant út moast wie in moai algemien bitinken ûnder de dêr oanwêzigen en der waerden fiif folmaehten oanwiisd foar in petear. Douwe Kalma wie ien fan dy fiif, ds. J.J. Kalma in oarenien. Om't it Kristlik Selskip ek tige graech prate woe, koe der al trije dagen letter oerliz wêze. By dy gelegenheit die bliken dat it Kristlik Selskip fan in fusy neat witte woe, mar wol ré wie ta it meidwaen oan in lyts mienskiplik orgaen foar praktysk wurk. Dat waerd dan it Trijemanskip dat nêst him in Ried fan Bystân krige. Hwat de gearstalling oanbilanget wie tocht oan ‘in man fan rjochts, ien fan lofts en ien fan de Fryske Folkspartij’Ga naar eind214.. Dat de lytse Folkspartij der yn bihelle waerd hie twadderlei reden: it soe de Dútske oerheit mear bitrouwen jaen en de Folkspartij sels soe der hwat troch yn goede banen holden wurde. Van der Goot syn ôfkarring fan de Dútske oerfal hie ek hwat bitrouwen jown. Mar in hwat gefaerlik bislút wie it wol. Dat dit al moai gau bliken die, hat de skuld west fan Douwe Kalma. Yn hoefier't dy reden hie om to mienen dat it Selskip-1844 him as lid fan it Trijemanskip oanwize soe is net krekt mear nei to gean. It stiet wol fêst dat it haedbistjûr it net sa tige op him bigrepen hie; mar hy wie flitich en like oan de goede kant to stean. Hwant by alle foroaringen dy't hy sa neigeraden sjen litten hie, wie syn foarleafde foar Ingelân dochs in fêst punt bleaun. Bineamd as lid is hy perfoarst net. Wol krige hy fan it Selskip-1844 opdracht Van der Goot ris to tantsjen foar it tredde plak. It moat doe west hawwe dat hy mei de ûnforwachte meidieling kaem dat er him koarts formoedsoene hie mei dizze man - dy't him in rige fan jierren sa hjitfolge hie - en dat er him opjown hie as lid fan de Fryske Folkspartij. Douwe Kalma hie mannich swinkingen op syn namme stean, mar dit wie de greatste en de needlottiehste: de anglofyl dy't ynienen winlik de Dútske kant keas, de Nederlanner en de Fries dy't de troch himsels sa ynmoedich oanpriizge iensens yn de eigen rounte forbriek. Hiel dúdlik wiene de wurden fan Selskipsskathâlder Tsjeard de Vries: ‘Hie dat nou mar earder sein, hwant dan kinne jo ús man net wêze’Ga naar eind215.. It hat ûnder de driging yn dy wurden west dat Douwe Kalma de reis oangyng dy't foar Van der Goot bidoeld wie en dy't Rintsje Sybesma oplevere. Neffens Kalma syn birjoeht oan Selskipsfoarsitter J.W. Dykstra hat Van der Goot bitanke, om't er gjin sit hawwe woe yn in allinne mar kultureel orgaen, dat er it Trijemanskip achte to wêzen. Mar Van der Goot wie koart tofoaren ek slim siik weromkommen út Den Haech, dêr't er him forantwurdzje moatten hie foar syn artikel yn ‘It Fryske Folk’. It kin dêrom | |
[pagina 324]
| |
hiel goed wêze dat hy op dat stuit ek net sa tige syn moed hie. Der komt by dat, nei't men oannimme mei, Kalma Rintsje Sybesma leaver hie. Om dat to bigripen is it alderearst nedich om to witten dat it haedbistjûr fan it Kristlik Selskip daliks nei de gearkomste op 27 july E.B. Folkertsma as lid fan it Trijemanskip oanwiisd hie. En dan hat it eigenskip even in fearnsieu werom to gean: nei de jierren fan de earste wrâldoarloch doe't Douwe Kalma sa fûleinich syn Jongfryske fanfares klinke liet oer it Fryske lân. Syn maten wiene Eeltsje Folkertsma en Rintsje Sybesma. Dat stikje forline hat Kalma wer oproppe wollen, in hwat romantysk stribjen dêr't de tiden net freonlik genôch en de minsken net ûnskuldich genôch foar wiene. Dochs hat it Douwe Kalma syn gongen biskaet yn de lêste julydagen fan 1940, deselden dy't ek de lêsten wiene fan Jan Melles van der Goot. Van der Goot hie de wiffe sounens fan wol mear ‘naturalisten’. Oer de fraech oft syn Haechske reis hwat mei syn lêste sykte to meitsjen hawn hat kin allinne mar spekulearre wurde. Douwe Kalma syn dream hat net lang duorre. Jan Walings Dykstra hat him moai gau witte litten dat it Selskip-1844 net mei him yn sé gyng. It hie syn genamt ds. J.J. Kalma to Waeksens (WD) as syn fortsjinwurdiger oanwiisd. In ‘ôfdijer’ neamde er it sels en hy hat noch nei Waeksens ta west om der oer to praten. Mar it joech him neat mear. Van der Goot krige in greate bigraffenis. Der binne oanwizingen, in brief, in meidieling oan dizze en jinge, dat hy him fan de Dútskers ôfkeare wollen hat. In oertsjûgjend biwiis lykwols ûntbrekt. Mar der is likemin biwiis dat de unifoarmearre Dútske ôffurdigen, dy't op it Wikelder tsjerkhôf de Hitler-groet brochten, dat diene foar in hûndertpersintige freon. De Dútske bilangstelling moat grif forklearre wurde as fuortkommend út de hege forwachting dy't de nije hearen yn dy snuorje noch fan Fryslân hiene. Ds. J.J. Kalma, dy't op forsiik fan de famylje de foargong hie, hat dêr op it Wikelder hôf de wyn fan de nije oarder wol waeijen field: de klacht fan Douwe Kiestra dat sa'n man deagean moast krekt nou't syn stribjen frucht drage soe, Douwe Kalma syn forklearring ‘út namme fan it Fryske folk’ dat Jan Melles stoarn wie ‘net oan 'e ein, mar oan it bigjin’ fan in tiidrek, Rintsje Sybesma syn lêste groet oan in geafeint en in lyktinkende, en doe noch in wurdmannich fan in Dútsker yn unifoarm, in dr. R.P. Osswald. Hwa en hwat wie dizze Osswald? Dêr yn Wikel koe nimmen him; syn relaesjes leine dan ek earder yn de Flaemske biweging. Yn 1917 en 1918 hie hy forboun west oan it Dútsk generael-gouvernemint yn BelgiëGa naar eind216. en wied er sa heal en heal opnommen rekke yn in rounte fan Flaemske aktivisten. Nei 1918, doe't er archivaris wie yn Potsdam, hied er brief- | |
[pagina 325]
| |
wiksel oanholden mei somlike aktivisten. Sûnt de ‘Machtübernahme’ yn Dútsklân hied er him ûntjown as in krêftich propagandist fan de Dútsk-Dytske bloedforbounens en alles hwat nei syn bitinken dêr kultureel en polityk út fuortkomme moast. Hwat hy woe forskilde winlik net safolle fan hwat Mussert woe. Yn 1940 hat hy in skoft op it rykskommissariaet yn Den Haech sitten, en yn Wikel fortsjinwurdige hy Seyss Inquart, in biwiis sawol fan hwat dy doe noch yn Fryslân seaeh as fan ûnkunde oangeande de wiere forhâldingen. Van der Goot syn bigraffenis hat de lêste gelegenheit west foar Douwe Kalma om him út to jaen as ‘fortsjinwurdiger fan de Fryske biweging’. Hy hie it him oars foarsteld. Syn op eigen manneboet oanwizen fan Rintsje Sybesma as lid fan it Trijemanskip (hwant dêr kaem it op del) biwiist dat er him al de lieder fielde dy't syn eigen wegen gean koe en neat mear to duchtsjen hie. It wie de posysje dy't him winlik altyd al foar eagen stien hie. Mar hy stie der just as lieder wol foargoed nêst, doe en de hiele goed trettjin jier dy't er noch to libjen hie. De Selskippen hawwe lykwols net de moed hawn om ek Rintsje Sybesma oan 'e kant to setten. Letter is wol ynsjoen, dat dat in greate flater west hat. Mar it like net opportún de Dútskers noch fierder tsjin de hierren yn to striken nou't to foarsjen wie dat der wolris mei har redendield wurde moast. It is rjochtfeardich de dingen to sjen yn it ramt fan de tiid. De ûre fan it grym forset en it fûleinich né wie noch net kommen. It Trijemanskip is ûntstien yn deselde tiid as de Nederlandse Unie, dy't ek ûnder in trijemanskip stie, en mei itselde forlet: it hanthavenjen fan de eigen identiteit, hwat der feitlik op del kaem, dat de minsken legael de gelegenheit hawwe woene om to bitsjûgen dat hja de Dútskers net folgen en har oanhingers en hantlangers yn it eigen lân forspijden. By it Frysk Trijemanskip leine de forhâldingen dêrby dúdliker as by dat fan de Nederlandse Unie: hjir wie it fan it bigjin ôf Jaep Kalma en Eeltsje Folkertsma oan de iene kant en Rintsje Sybesma oan de oare; goed foar forkeard oer. By de Nederlandse Unie hat it krampeftich stribjen nei ienriedigens de bêste kânsen jown oan dejinge dy't it fierst mei de Dútskers yn sé woe. Rintsje Sybesma wie, lyk as al earder sein is, in konsekwinte nasionael-sosialist. Syn rjochting wie sa likernôch dy fan de NSNAP fan majoar Kruyt, mar hy hie syn eigen Frysk partijke, it ‘Frysk-Nasjonael Forboun op folkske grounslach’. Oft dat wierlik bistien hat is net sa wis; mar sokssahwat kaem yn dy tiid net sa krekt. Sybesma wie in forlytse pendant fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun, dy't ek troch de mystyk fan de soune en primitive boereminske op it forkearde paed rekke is. Dizze súdhoekster fédokter wie folle mear dichter en skriuwer as politikus; | |
[pagina 326]
| |
Frysk struiblêd fan de Nederlandse Unie. Yn de Uny diene gâns lju út de Fryske biweging mei. *
faeks kin fan him sein wurde dat it syn needlot west hat yn Hitlers dagen to libjen. Mar hysels hat it net as in needlot field. Sûnder rjochtút gefaerlik to wêzen hat er dochs oanstjit genôch jown troch syn byfal foar de Dútske oerfal en syn hast demonstratyf stean efter Hitler en de opfettingen fan de nasionael-sosialistyske lânbou-ideolooch Walter Darré. | |
[pagina 327]
| |
Ds. J.J. Kalma, in nijeling yn de Fryske biweging, hearde ta de twadde generaesje fan de reade domenys. Hy wie samler fan it Selskip-1844 sûnt 1938 en fan syn hân wie krekt de al neamde nijsgjirrige biografy fan Oebele Stellingwerf forskynd. Man fan mear aksje as it Selskip wend wie, wie syn oanwêzigens yn it haedbistjûr wol in útkomst doe't de tiden immen fregen dy't fan hoekhâlden wist en net bang wie fan hwat aventûr en hwat gefaer. Jan Walings Dykstra seach him as syn opfolger as foarsitter en hy is dat yn 1942 ek wurden; mar de liedende man wied er fansels al fan de simmer fan 1940 ôf. De tsjinsteUing yn it Trijemanskip kaem al moai dúdlik nei bûten yn septimber 1940 yn hwat skriuwerij en kreauwerij oer in mooglik bitinken fan de slach by Warns. Douwe Tamminga hie net sa lang tofoaren in al gau populair wurden ballade skreaun oer dizze slach yn 1345 dêr't it Fryske lânfolk in legerke fan Hollânske en Henegouske ridders yn forslein en foar in part forneatige hie en dêr't ek greve Willem IV yn fallen wie. Oer sa'n bitinking hie foar de bisetting alris oerliz west tusken de selskippen, mar de geastdrift wie doe net great. De tiid wie der net nei. Nei de Dútske oerfal wiene de selskippen en ek har fortsjinwurdigers yn it Trijemanskip fûl op in bitinking tsjin. It sil wol sa west hawwe dat de Fryske Folkspartij dochs permisje frege hat oan it Dútsk biwâld om in bitinking to hâlden. Mar yn in ynstjûrd stik yn de Ljouwerter krante fan 23 septimber 1940, mei de nammen fan Douwe Kiestra en Rintsje Sybesma der ûnder, waerd meidield dat de al jowne tastimming foar de bitinking op 26 septimber ‘op it hillich sté fen Fryslân, it Reade Klif’ wer ynlutsen wie ‘om redenen dy't forbân hâlde mei de wrâldkriich’. In dei letter stie yn deselde Ljouwerter krante in stik fan J.H. Brouwer, haedbistjûrslid fan it Selskip-1844, dêr't dy yn skreau dat sûnt de mienskiplike striid by Wûns in bitinking fan Warns net mear yn 'e bineaming komme koe. Wûns en Warns: it waerd in biedwurd, rjochte tsjio alle bisykjen it sa suver en Germaensk Fryslân út to spyljen tsjin Hollân, lyk as de Eastfryske seinboaden flitich bisocht hiene. De diskusje wie dêrmei noch net ôfroun. Yn de Ljouwerter krante fan 30 septimber kaem S.J. van der Molen forfaerlik fanwegen: hy koe net bigripe hwat der op de bitinking fan Warns tsjin wie en hy koe alhielendal net bigripe hwer't de Friezen winlik op wachten. Forwizend nei in gearkomste fan in ‘Nederlandse Cultuurkring’ (de foarrinder fan de Kultuurkamer) yn Den Haech, brûzjend fan nije idéen, frege er hwer't de Friezen, Akademyminsken, skriuwers en dichters bleauwen. ‘Binne de feiten noch net kleardernôch, moatte der noch mear bommen op Ingelân falle?’ As hja dan wachtsje | |
[pagina 328]
| |
woene ‘yn de hope dat Ingelân op 'e lange dûr doch noch wint mei help fen it dollarkapitael en it bolsjewisme’, ja dan moasten hja it mar witte; ‘de karavaen moat nou ienkear fierder tsjen en kin him net steure oan it byljen fen de hounen’. De Ljouwerter krante hat mei dit epistel mar hastich de diskusje sletten. Moatte der noch mear bommen op Ingelân falle ...; faeks is it Van der Molen sels ûntgien hoe nayf-ûnbiskamsum hy de side keas fan hwat op dat stuit de sterkste like. Der wie nammers yn dy tiid al mear bard dat de forhâldingen op skerp sette. In fikse rei wie ûntstien oer it fers ‘De Falskermers’ fan Rintsje Sybesma, dat in ode wie oan de Dútske parachutisten fan de maeijedagen. Sybesma hie it stjûrd oan de ‘Hollandsche Post’, in blêd ûnder redaksje fan de Flaming Jef Hinderdael, mar Jan Piebenga naem it oer yn ‘It Heitelân’, dêr't er einredakteur fan wie; en Hindrik Algra naem it wer oer yn it ‘Friesch Dagblad’ mei in kommentaerke dat der net om liigde. Jan Piebenga syn died kin allinne forklearre wurde út syn wûnderlike karakterstruktuer: Zwei Seelen leben ach in meiner Brust. Hy hat der noch genôch oer op 'e kop krige, Douwe Kiestra lykwols naem it foar him op: it gyng om hege literatuer, hwant hwat koe in dichter mear ynspirearje ‘as de wylde moed fen dizze loftsoldaten’. Kiestra wie Van der Goot opfolge as foarsitter (of lieder) fan de Fryske Folkspartij en hie al gau dy syn krityske wurden oer de Dútske oerfal bihimmele yn ‘It Fryske Folk’. It hie earst alles net sa dúdlik west, skreau er; mar it Dúiske wytboek, dat ûnderwilens forskynd wie, hie nou wol alle twivel oer de goede reden fan de ynvasy weiromme. Mei it stik fan Van der Molen hat Fedde Schurer moai dúdlik ôfweefd yn ‘De Stim fen Fryslân’Ga naar eind217.. It hat ek stof jown oan Jaep Kalma en Eeltsje Folkertsma foar har taspraken op de greate biwegingsdei op 19 oktober 1940 to Ljouwert, dêr't sa'n seishûndert man op ôfkommen wiene. Hwer't wy op wachtsje, sei Kalma, dat is op ‘ús folk, det wekker wirde mei en mei ús, de manljue en de frouljue fen de Fryske biweging, de striid foartsette wol’. Earder hied er sein dat de Fryske biweging al ‘folksk’ wie ear't de minsken hjir dat wurd koene, en hied er him forward tsjin bitigingen fan twa kanten. ‘Wy scoenen pro-Dútsk wêze, om't wy mei de Dútskers praetten. Wy wiernen anti-Dútsk om't wy de Dútske bigjinsels net oernamen; en fakentiden seagen de ljue, dy't sa praetten, net det wy allinne mar wiernen hwet wy wêze moasten: pro-Frysk’. Nei him spriek Folkertsma dy't der nochris de klam op lei dat de Fryske biweging ‘yn har greatst mûglik meartal’ der net op út wie om oarlochswinst to biheljen. ‘Hja wol gjin gebrûk meitsje fen de situaesje dêr't Nederlân yn | |
[pagina 329]
| |
rekke is. Der stiet tsjin oer det hja ek net fen doel is oarlochsskea to Iijen’Ga naar eind218.. Ek Sybesma hat it wurd fierd op de biwegingsdei; moai sedich, al sei er wol dat yn de kommende tiden in nije folksmienskip boud wurde soe. It hat lykwols mei de (skynbere) ienriedigens fan it Trijemanskip net lang mear duorre. Der binne noch gearkomsten holden yn Snits en Mantgum; yn Drachten en op 't Hearrenfean koene se net trochgean om't hja dêrre Sybesma net as sprekker woene. Sybesma bigoun ek mei it útjaen fan in eigen krantsje ‘De Upstalbeam’, dêr't er syn ûnnocht yn ôffjurre, binammen op Jaep Kalma. ‘Pro-Frysk wie net genôch. Wy moasten fansels pro-Dútsk wêze’Ga naar eind219.. Arend Lang hie oeral hwat op to sizzen en foun yn Sybesma in bounsmaet. Nou barde it dat op it Krystkongres fan de Studintefederaesje ir. J.B. van der Meulen in birop die op de Fryske studinten, om mei de Hollânske studinten solidair to wêzen yn dy snuorje en har net op groun fan har nasionalisme apart to hâlden. Jaep Kalma, dy't der by siet, hie gjin reden foun om dêr tsjin yn to gean; eat dêr't Rintsje Sybesma him in moai lulke brief oer skreau. Dêr oerhinne kaem noch in hwat roerige nijjiersgearkomste fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein, mei û.o. Jaep Kalma as sprekker, en Sybesma mei in pear maten by de doar, bisykjend struibledtsjes fan in net tige wurdearre ynhâld kwyt to wurden. Mar Kalma en Folkertsma hiene ûnderwilens al útmakke dat Sybesma út it Trijemanskip moast. Op 3 jannewaris 1941 hat Kalma him dat oansein. Der wie, sei Kalma yn de biweging geastdrift en by Sybesma negativisme, En Sybesma fortsjinwurdige feitlik neat. Foar wierlik opbouwend wurk wie it nedich dat Sybesma der út gyng en yn syn plak immen kaem út de Jongerein, de Studintefederaesje of it folkshegeskoalleformiddenGa naar eind220.. It is net slagge in tredde man to finen. Douwe Tamminga is frege, mar dy hat bitanke. Hy wenne doe hwat ôfhandich yn Gaesterlân dêr't er lieder wie fan in wurkleazekamp yn Elfbergen. It die ek bliken dat nimmen graech oansjoen wurde woe foar ien fan itselde soarte as Rintsje Sybesma. Sa bleau der allinne in Twamanskip oer, al is ir. K.A. Rienks stille meiwurker wurden. In bisykjen fan de Fryske Folkspartij om Douwe Kiestra to krijen op it plak fan Sybesma is ôfwiisd. Op dizze gong fan saken moast fansels dalje komme. Troch de Dútskers oppakt binne Kalma en Folkertsma net, al skynt dêr op oanstien to wêzen troch forkearde elemintenGa naar eind221.. Mar op de aksjes nei bûten is al gau fan Dútske kant it near lein; allinne yn Drachten hat noch in gearkomste west. Dochs wie alles noch net stil. De Selskippen koene to'n earsten trochwurkje en de tydskriften kamen hiele 1941 noch út. It Twamanskip, al wie syn stimme foar | |
[pagina 330]
| |
It twamanskip yn de bisettingstiid; winlik it tredde dat de Fryske biweging kend hat. Ds. J.J. Kalma (l.) en E.B. Folkertsma (rj.) hawwe sa goed hja koene bisocht de Fryske biweging sawol geande as yn ‘suver’ farwetter to hâlden. *
de propaganda bineisteby forstomme, hold it bitrouwen en bleau yn steat alderlei lyts wurk to dwaen. It wichtichste wie doe al bard: it konflikt mei Rintsje Sybesma hie de geasten biskiedend skaet en de organisearre Fryske biweging fierhinne frijwarre fan it farren op Dútsk kompas. De Fryske Folkspartij wie isolearre en dy't dêr bûten noch mei de Dútskers yn sé gyngen diene dat op eigen manneboet. Dit is faker as ienkear bard; mar de greate klap dêr't de Eastfryske seinboaden op tidige hiene wie der net minder om mislearre. Hoe wie de hâlding op it provinsjehûs to Ljouwert foar de Fryske biweging oer? J.J. Kalma hat op 20 desimber 1940 in kear by Van Harinxma west. Hy ‘krige de yndruk dat (dy) mar heal leauwe woe, dat wy goede Nederlanners wiene’Ga naar eind222.. Yn syn ‘Bezettingstijd in Friesland’ wijt P. Wijbenga in sidemannich oan Van HarinxmaGa naar eind223. dy't yn it bigjin fan de bisettingstiid in fûle forsetshâlding like oannimme to sillen, mar letter sei: ‘In vliegende storm mag een kapitein de brug niet verlaten’. Wijbenga skriuwt mei hoedenens oer in man dy't altyd sa heech yn oansjen stien hie; it komt by him net sa dúdlik út dat dy yn de bisettingsjierren winlik troch de koer fallen is. Hy wie yn syn sawntichste doe't de Dútskers kamen en roun al moai lang fier by de tiid efter, bouwe as er die op 19de-ieuske steatsrjochtlike opfettingen, en mear op it heal fiktyf ûnsichtber biwâld mei de keninginne oan it haed as op de parlemintaire | |
[pagina 331]
| |
demokrasy. It hat alle eigenskip dat dizze âlde autokraet, dy't sa tige yn it forline libbe, de Dútske tiid sjoen hat as sahwat itselde as de Frânske tiid en yn syn hâlden en dragen in foarbyld nommen hat oan baron Verstolk, de man dy't as prefekt fan keizer Napoleon yn Fryslân dien hie hwat moast en litten hwat koe. Folksaksjes en folksforset hiene de âlde reginten altyd it grau op hawn, foarsafier't hja dy alteast net sels regissearje koene. Van Harinxma hat ek al syn libben deabinaud west foar hwat hy seach as ûnoarderlik gedoch fan revolusionaire eleminten. Kontakt mei de yllegaliteit hat hy suver net hawn. It is him gewoan ûntgien dat it folk net mear sa dimmen wie as yn earder tiden en dat de reginten ta in útstjerrend laech hearden; en binammen hat hy net sjen wollen dat yn grimens en wredens it Dútsk biwâld tsienris sa slim wie as it Frânske, hûnderttritich jier earder. Sa leit it ek yn 'e reden dat hy yn 1940 mear as ea in skalk each krigen hat op de roerigens fan de Fryske biweging. Hy hat fansels wol witten dat de Dútskers kontakt sochten mei Fryske foaroanmannen en dat it Trijemanskip ek op de iene of oare wize to krijen hie mei it Ljouwerter Old Burger Weeshús, dêr't it Dútsk biwâld him yn ynstallearre hie. En it hat folslein yn syn styl west om to achtsjen dat ‘it folk’ him op paden bijoech dy't allinne ornearre wiene foar autoriteiten, om't it net wist hoefier't it gean koe en gean mocht. De Fryske biweging wie oerhearrich; dat is it hwat Jaep Kalma op dy 20ste desimber oan him fornommen hat. |
|