Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 307]
| |
Foar de greate oerfalKonflikt yn 'e Mienskip en oprjochting fan de (nije) Fryske Folkspartij - Douwe Kalma promovearret op Fryske dissertaesje - Kiès en syn Troelstra-biweging - Frysk kultuerlibben - Wumkes huldige; Onno Sytstra forstoarn.It Frysk fakultatyf op 'e skoallen en de oprjochting fan de Fryske Akademy: it wiene de twa wichtichste stappen foarút yn de jierren foar de twadde wrâldoarloch. Underwilens gyngen bûten de grinzen fan Nederlân de dingen har needlottige gong. Fan 'e eastkant waerd it rommeljen lûder. Yn 'e hjerst fan 1938 spile him it earste bidriuw fan de Tjsechyske trageedzje ôf en sûnt hong de frede noch mar oan in tin triedtsje. Yn Nederlân wie oars om dy tiid hinne mei Mussert syn nasionael-sosialisme al moai aerdich ôfweefd. Yn Fryslân hie it mei de NSB nea wollen. Nijsgjirrich is, dat it iennichst Steatelid fan dy partij, H.J. Popping út Easterwâlde, dy't in fortsjintlike amateur-archeolooch wie, in fûle hate meitôge tsjin it Frysk Genoatskip en binammen tsjin mr. P.C.J.A. Boeles fanwegen it brek oan achting dat hy fan har ûnderfoun. Bilangstelling foar syn fynsten en wurdearring foar syn wurk bistiene binammen fan Dútske kant. Yn de lettere tritiger jierren hat prof. Van Giffen him noch wol hwat mear nei foaren helle, mar syn politike kar hied er doe al lang dien. As Steatelid wied er in nul yn it sifer. Der hat los fan de NSB, al in biskate foarm fan Frysk nasionael-sosialisme west. Mannen as Haring Piebenga en J.B. Vries, dy't al earder neamd binne, kinne lykwols amper ta dy rjochting rekkene wurde. Beide hawwe hja ûnder ynfloed stien fan prof. Hermann Wirth, in yn Nederlân berne Dútsker, dy't in steat fan tsjinst hie yn it Flaemsk aktivisme, yn de tweintiger jierren in skoft learaer Nederlânsk west hat oan it Snitser gymnasium en letter yn fantastyske theoryen it Aryske ras biskreaun hat as de boarne fan alle hegere kultuer op ierde. De symboalen fan dy kultuer foun er ek werom yn it Oera Linda Boek, dêr't hy de kearn fan as echt biskôge, al mocht it letter hwat foroare of forhaspele wêze. Hy hat dêroer sprutsen op it Krystkongres fan de Fryske studintefederaesje yn 1934 en ek op in stúdzjekamp to Bakkefean, organisearre fan J.B. Vries, yn de simmer fan 1935. Haring Tjittes, dy't yn 1941 by prof. Eugen Fischer to Berlyn promovearre is op in stúdzje oer de antropology fan de bifolking fan Urk, hat yn de Dútske haedstêd in set syn rjochterhân west. J.B. Vries is lânbou-yngenieur wurden en wie yn de | |
[pagina 308]
| |
oarlochstiid anneks mei it nazi-progamma fan it oerbringen fan ‘Germaenske’ boeren nei de Eastgebieten. Fûle anti-semyt wied er ek. Hy hat de dea foun by in bombardemint fan Berlyn yn 1944. It Frysk nasionael-sosialisme hat him manifestearre yn de Fryske Folkspartij, oprjochte op 24 novimber 1938 to Eagmaryp. Dêrta is it kommen troch in konflikt yn de Mienskip, ûntstien neidat it haedbistjûr fan it Selskip-1844 syn veto útsprutsen hie oer karbriefoanfollingen dy't ynholden, dat de Mienskip de Fryske striid ek oerbringe woe op it politike en maetskiplike mêd. Doe't it op in lettere algemiene gearkomste fan de Mienskip bliken die dat it meartal fan de oanwêzige leden winlik efter it haedbistjûr stie, gyng it hiele bistjûr ôf en J.M. van der Goot en Douwe Kiestra rounen ek út de Mienskip weiGa naar eind208.. Dizze beide hawwe de oprjochters west fan de Fryske Folkspartij, de earste allinne op Fryslân rjochte politike organisaesje. De namme suggerearre de fuortsetting fan in tradysje, mar net mei rjocht. De minsken fan de eardere Folkspartij, Oebele Stellingwerf en syn maten, wiene bisiele fan idéalen dy't humanistyk wiene en feitlik ek kristlik, yn safier yn de biedwurden domeny's en kristlike partijen it net achtslaen fan de sosiale easken fan it evangeelje foar de fuotten smiten krigen. En Jan Melles van der Goot, de theoretikus fan de nije Folkspartij, woe nou just ûnder de ‘twang’ fan humanisme en kristendom wei. Gjin ‘skerpsliperij en haetsiedderij’, skreau er yn it earste nûmer fan ‘It Fryske Folk’, it krantsje fan syn partij. ‘Wy Fryske nasjonalisten wolle ta op in maetskippij sûnder klassestriid en sûnder sectarisme yn polityk en forieningslibben’. En fierder: ‘(wy) wolle... det ús folkslibben geef en suver bliuwt yn bloed, tael en kultuer’. In echte nasionael-sosialistyske partij, de Folkspartij nûmer 2? Mei it programma koe men alle kanten út. ‘Striid for it rjucht om Frysk to brûken yn it iepenbier libben’ hoegde mei nasionael-sosialisme neat to meitsjen to hawwen; en ‘striid for it bihâld fen de politike folksrjuchten’ like earder in demokratyske oankundiging, al moasten dy rjochten ek tsjinje om de Friezen as folk in oanpart to jaen yn it ryksbistjûr. En de eask. ‘fen in sadanige forhâlding ta it Ryk det ús folk him frij en ûnbihindere nei eigen aerd ûntjaen kin’ wie gewoan oernommen út it karbrief fan de Upstalbeam. Wol koe fansels fan alles socht wurde efter de striid dy't ‘ûnnasjonale partijpolityk en ûnnasjonale kultuerstreamingen’ oansein waerd; mar de partij woe ek opkomme foar ‘frijdom fen leauwe en gewisse’, en der wie yn it program gjin wurd to finen oer it liedersbigjinsel. De Folkspartij moat oer it tiidrek dat oan de oarloch foarôf gyng, binammen bioardield wurde op de geast fan har | |
[pagina 309]
| |
liedende figueren, en dochs ek wol op de tiid fan har oprjochting: koart nei it diktaet fan München en yn de wittenskip dat it neat waerd mei de NSB, binammen net yn Fryslân. Jan Melles van der Goot hat in foarsichtich oanhinger west fan Hitler syn nij heidendom. De partijtsjinstellingen woed er útbalje; de konsekwinsje fan in ienpartijstelsel lei net fier ôf. De tsjerken moasten har bûten de polityk hâlde. Him spriek it folksaerdige fan it Dútsk nasionael-sosialisme tige oan, om't er miende dat dêr perspektiven yn leine foar bihâld fan it Fryske wêzen neffens bloed en aerd en foar forsterking fan de Fryske kultuer. Hoewol pro-Dútsk hat er dochs net tidige op in Dútske bisetting. De hâlding fan Douwe Kiestra hat mei biskaet west troch de lânboukrisis, dy't doe de lytse boeren sa tige tamtearre. Hy hat mei foaroan stien yn Hindrik van Houten syn boun fan hierde boeren, sûnder lykwols al to fêst to leauwen dat der yn goedens folle forbettering to forwachtsjen wie. As Frysk nasionalist wied er ek wol ré de earen hwat hingje to litten nei de bloed- en boaijem-biedwurden; stiene yn Dútsklân de boeren nammers net heger yn oansjen as hjirre en hiene hja it net hwat better? Sels boer mei in nuodlik bistean en tagelyk dichter en skriuwer fielde er him yn mannich stik sahwat forskoveling. Hy is wol idéalist neamd, mar yn syn Folkspartij-aventûr siet ek in elemint fan grime desperatens. Sa is er stadichoan yn it nasionael-sosialistyske kamp stapt en dêr bleaun, yn de lêste oarlochsjierren mear út in fieling fan trou as út oertsjûging. Nou wie it dus sjesa: alhoewol't de Fryske Folkspartij al daliks moai algemien as nasionael-sosialistysk gou, kaem yn it programma it skaeimerk fan dy rjochting net sa dúdlik ta utering. It wie ek in Fryske partij dy't mear selsstannigens foar Fryslân easke as hwatfoar foriening yn earder tiid. It hat dêrom net safolle eigenskip om nei to gean hwa't foar de Dútske ynfal dêr allegearre lid fan wiene. Pas fan de tsiende maeije 1940 ôf binne neigeraden de skiep fan de bokken skaet. It is yn elts gefal nijsgjirrich om to witten dat Rintsje Sybesma der bûten stie. Hy hie him ûntjown ta in echte nasionael-sosialist. Foar him hat it kommen fan de Dútskers in great barren west. In tal leden dat makke hat de Folkspartij nea hawn, net foar de oarloch en net yn de bisettingstiid. Doe't Van der Goot en syn maten út de Mienskip wiene, koe de yn 1932 forstjitten Douwe Kalma wer nei foaren komme. It waerd op 6 maeije 1939 doktor Douwe Kalma: op dy datum promovearre er by prof. Kapteyn op in dissertaesje oer Gysbert Japiks. It wie in dissertaesje yn it Frysk, de earste yn de universitaire skiednis! De promoasje wie hwat in | |
[pagina 310]
| |
It stik Kening Aldgilles fan Douwe Kalma pas yn dy syn stribjen om it Frysk toaniel en de Fryske literasuer omheech to bringen mei klassike stikken sahwat yn de geast fan Shakespeare. Der is in skoft fan Kening Aldgillis in greate rop útgien, mar in nij toanieltiidrek is der net mei
iepene. *
feestlik barren: gâns Friezen wiene der foar nei Grins tein. Kalma woun der wer in stik achting mei. Hy like hwat bistekliker wurden to wêzen; út de briefwiksel mei Fedde Schurer riist er op as in tsjinstanner fan wylde oanslaggen en in oertsjûge foarstanner fan de bân fan Fryslân mei it Nederlânske ryk. De berte fan prinses Beatrix hie him ynspirearre ta in bliid fers, opnommen yn it febrewaris-nûmer fan ‘It Heitelân’ (1938). Hy hie tige de hân hawn yn in wichtige karbriefforoaring fan it Selskip-1844 dat dêrmei, út de Hof-Sytstra-liny wei, einlings op 'e hichte fan de tiid kommen wieGa naar eind209.. Yn it nije Mienskipsbistjûr waerd Jelle Brouwer foarsitter, Kalma skriuwer en Marten Scholten skathâlder. It like as kamen dan dochs de âlde tiden werom. Kalma syn Frysk Front wie fordwoun en forjown. | |
[pagina 311]
| |
Sa'n bytsje as yn de foaroarlochske kranten en tydskriften to finen is oer de Folkspartij, safolle hat der yn to dwaen west oer de kwestje-Kiès. Kiès wie de lieder earst fan in opposysje yn de Fryske SDAP en letter fan in út dy partij weistapte kloft, dy't harsels de Troelstra-biweging neamde. Mei de Fryske biweging liket dit gefal net folle út to stean to hawwen, mar men moat jin net forsinne. Kiès hat it forstien gebrûk to meitsjen fan de âlde ûnnoflikens ûnder de Fryske sosialisten oer de swakke posysje fan it SDAP-gewest foar de sintrale lieding yn Amsterdam oer, binammen by it oanwizen fan Keamer-kandidaten. Kiès wie sels in Amsterdammer, man fan in mear as twiveleftige reputaesje dy't, as propagandist loslitten op Fryslân, dêr troch syn formogen om op it gemoed to wurkjen stadichoan in greate oanhing krigen hie. Hiele keppels reizgen him yn bussen op syn propaganda-tochten efternei. De skuorring kaem, nei't in kommisje oer him in forneatigjend oardiel útbrocht hie. De namme Troelstra-biweging foar de ôfskiedenen wie wol tûk bitocht. Dizze biweging krige yn 1939 twa man yn 'e Steaten. Ien fan har wie J.D. van der Mei, dy't it yn earder tiid bisocht hie as Jongfryske dichter. Mei de Fryske Folkspartij hie de Troelstra-biweging gemien, dat hja yn har namme wer oansluting suggerearre op gloarje fan it forline. Mar nije gloarje hat foar gjinien fan twaën weilein west. De lettere tritiger jierren hawwe de ôfsluting west fan in fase yn it Frysk kultuerlibben dy't bigoun is yn de opgeande tiid om de ieuwiksel hinne en letter, binammen troch de Jongfriezen, woun hat oan kwaliteit en oan ynhâld. De Jongfriezen hawwe de klam lein op it eigen plak fan Fryslân en syn kultuer en by kultuer hiel hwat mear ûnderbrocht as de tael. In breder front mei dêr út wei de rop nei in stik kultuerpolityk: ek Huismans en Wumkes fan it Kristlik Selskip hawwe yn it ûntstean der fan in oanpart hawn. Mar yn de fornijing fan de skriften steane de Jongfriezen dochs yn de earste liny. Dat mei harren alles sa likernôch nij bigoun is, lyk as Douwe Kalma it wolris foarkomme litten hat, giet fansels to fier. It kin allinne op biskate wize jilde foar de lyryk dy't har yn en nei de jierren fan de earste wrâldoarloch fierder frijmakke hat fan âlde folksrieme skema's. Mar de stim fan in dichter fan bitsjutting as Obe Postma klonk dochs al folle earder. Proazaskriuwers as Reinder Brolsma en Simke Kloosterman publisearren al doe't Kalma noch mar in beuker wie. Hwat it toaniel oanbilanget wie de fornijing der al moai fier foar de Jongfryske tiid. Douwe Kalma hat Schuitmaker en Canne priizge foar har wurk op dit mêd, mar sels hat er dochs heger gripe wollen mei stikken as ‘Kening Aldgillis’, ‘Wy Allegearre’ en noch mannich oaren, dy't foar in part ek spile binne troch it Jongfryske Toaniel. It hast heroysk stribjen nei | |
[pagina 312]
| |
Titelpagina fan Douwe Kalma syn dissertaesje, dy't opdroegen is oan Fedde Schurer. Ien fan Kalma syn tweintich stellingen is: In de toekomst zal aan een regeling van de rechtspositie van het Fries bij de Nederlandse wet niet te ontkomen zijn. *
de klassike foarm, letter fuortset yn noch mear keningsdrama's, giet net lyk op mei it finen fan dramatyske oertsjûgingskrêft; mar it bliuwt wurk fan brede alluere dat de tiid rjochtdwaen sil. De stikken fan Schuitmaker en Canne hawwe noch lang repertoire holden, mar de earstneamde sines binne stadichoan ôfsakke nei it folkloristyske en dy fan de oare hawwe de tiid net alhiel byhâlde kinnen. It opmerklike stik ‘Frâns Winia’ fan S.D. de Jong bleau kwalitatyf in ienling. Yn it bigjin fan de tritiger jierren hat J.P. Wiersma mei in selskip, dat it Nij Frysk Toaniel hjitte, mei frijhwat propaganda en twa stikken fan sines (‘Wiggle Noardman’ en ‘De Wyld fen Hotsingastate’) de wiere fornijing bringe wollen, mar it sukses gou mear it spyljen en de moaije toanielopbou as de ynhâld fan it wurk. It hat it lytsskalich toanielwurk fan Barend van der Veen west dêr't de tradysje fan it Frysk folkstoaniel it bêst en it meast aktueel yn fuortset is. Barend, dy't syn stikken almeast mei frou en dochter foar de fuotljochten brocht, wie religieus-sosialist en ûnthâlder, mar dochs mear artyst as propagandist. Syn lyts klubke hat binammen yn de tritiger jierren yn en bûten de provinsje winterjounenocht jown yn in styl dy't oan de iene kant | |
[pagina 313]
| |
Programma fan in typyske feestjoun mei Barend en Martsje: de jierlikse útfiering fan de Ljouwerter arbeidersmuzykforiening Tot Steun in de Strijd. *
nij wie, mar oan 'e oare kant dúdlik oansleat op it âlde stribjen de minsken hwat mear to jaen as allinne formeits. Hy en syn folkje hawwe lange jierren mei har learrike fordivedaesje wolkomme gasten west yn in rom forskaet fan formiddens. Yn de skriften wie de fornijing dúdlik, al wie it allegearre net sa persoanlik wurden as Kalma bidoeld en sels ek bisocht hie. Dat Brolsma syn wurk Jongfryske bisieling krige hat, is like wier as dat it dochs de boaijem fan de folksskriuwerij nea alhiel forlitten hat. It jildt ek foar syn lêste mânske boek ‘Groun en Minsken’, forskynd yn it oarlochsjier 1940, dêr't er winlik foar it earst út it greater novellistysk genre wei yn trochstjitten hat nei de roman. De bisieling fan it nije is sûnder mis ek to fielen yn Simke Kloosterman har tige bijubele ‘Hoara's fen Hastings’. Mar hja wie ek al út har aerd gjin folksskriuwster, en har lettere greate roman ‘It Jubeljier’ sit fol fan in hwat heechmoedich en iensidich orangisme. Op himsels lykwols wie sa'n boek al hiel hwat oars as it koartamich proaza fan de eardere tiid. It as tige Jongfrysk priizge proaza fan Marten Baersma is by einsluten net mear as in ûnthjittend bigjin fan hwat letter net kommen is: dizze gefoelige skriuwer is jong stoarn. As Jongfrysk dichter stiet Kalma syn bitsjutting noch altyd hwat yn 'e kiif. Bliuwende erkenning as dichters hawwe wol R.P. Sybesma en J.H. Brouwer foun. | |
[pagina 314]
| |
Sybesma hat ek twa bondels hwat ympressionistysk en tige lêsber proaza op syn namme stean. As Jongfrysk dichter moat ek Douwe Kiestra neamd wurde. Fedde Schurer, as dichter min ofte mear ûntdutsen troch Douwe Kalma, hat wol tige de Jongfryske ‘Sturm und Drang’ ûndergien, mar in echte Jongfryske dichter kin hy dochs net neamd wurde. De krêft fan Fedde Schurer syn fersen nei foarm en ynhâld sit net yn har ‘persoanlik’ karakter, mar just yn har fûl appèl op de lêzers as it giet am Fryslân, it wûnder fan it libben, de minsklike weardichheit of de almacht fan God. Schurer hat Kalma faeks heger wurdearre as party oaren dat diene, mar forboun fielde hy him folle mear mei Folkertsma. Fan Folkertsma, gjin dichter mar wol in great prozaïst, is yn 1934 útkommen ‘Toer en Tsjerke’, in bondel fan nei alle gedachten de bêste essays, oant doe ta forskynd yn de Fryske tael. It gearrinnen fan de libbensskôgingen, dêr't earder al gewach fan makke is, komt treflik út yn de gearstalling fan de redaksjes fan de tydskriften. Der bleauwen yn dy redaksjes wol lang fêste punten: Winkelman by ‘It Heitelân’, Kalma by ‘Frisia’, Van der Tol by ‘Sljucht en Rjucht’. Mar Schurer, Jelle Brouwer en Folkertsma hawwe ek yn 'e redaksje fan ‘Frisia’ sitten; en yn de redaksje fan it mear ‘loftse’ ‘It Heitelân’ krige yn 1938 ek de skriuwer en literatuer-histoarikus Jan Piebenga in plak. ‘Frisia’, dat ûnder it abonnemint fan de Fryske Bibleteek foel, moast it nei de jiergong 1936 oerjaen; mar yn it plak dêrfan bigoun de saneamde Frisia-rige to forskinen: lytsere wurkjes en stúdzjes, mearsoartich as allinne literair. J. van der Tol, redakteur fan ‘Sljucht en Rjucht’ sûnt de dea fan Waling Dykstra, hat dy funksje yn 1937 oerdroegen oan mefrou D. Rienks-Wallinga. Nêst de Fryske Bibleteek mei syn mingd bistjûr bistie sûnt 1934 de Kristlik Fryske Folksbibleteek, dy't al gau bigoun mei it útjaen fan gaedlike boeken. It oanpart fan it Frysk yn de lektuer fan it protestantske formidden hat sûnt gâns oanwoun. Stadichoan wie ek de skiedskriuwing, dêr't Wumkes yn brede en hwat rûge halen mei út ein set wie, op gong kommen. Douwe Kalma syn ‘Fryske Skriftekennisse’ fan 1876 ôf, dy't yn 1928 bigoun wie to forskinen, wie in dreech stik wurk dêr't ek in man as Jan Hof syn biwûndering net foar binefter hold, hoe tige er argewaesje hie fan de iensidigens. Minder goed slagge wie Kalma syn ‘Skiednis fen Fryslân’, útkommen yn 1934; in hwat romantysk wurkstik dêr't it forline hwat tofolle en de lettere tiid faeks to min om tinken yn krigen. Kalma wie nammers gjin histoarikus en hie ek noch to min foarstúdzjes ta syn foldwaen. In dúdlike oanwinst wie Jan Piebenga syn ‘Koarte Skiednis fen de Fryske Skrifte- | |
[pagina 315]
| |
kennisse’, útkommen yn 1938, nei't er yn ‘Yn ús Eigen Tael’ al hwat foarwurk publisearre hie. En yn 1940 kaem út ‘It Fryske Folkstoaniel (1860-1930)’, in treflik stik kultuerhistoarje, dêr't Ype Poortinga, as dichter doe al net ûnbikend, de graed fan doctor mei bihelle. It wie de twadde Fryske dissertaesje; nei Kalma syn stúdzje oer Gysbert Japiks. Hjirboppe is it tydskrift ‘Yn ús Eigen Tael’ neamd, dat lange jierren der net útkipt hie troch kwaliteit. Nei de ‘coup’ fan 1924, mei mannen as Fedde Schurer en Eeltsje Folkertsma oan it roer, wie it peil neigeraden danich forbettere; en yn de tritiger jierren, doe't ‘Frisia’ it oerjown hie, krige it mei Nyckle Haisma syn ‘Yndyske sketsen’, de ôfleveringen fan ‘De Sûnde fen Haitze Holwerda’ fan U. van Houten en de earste proeven fan Fedde Schurer syn bibelsk drama ‘Simson’ in plak ûnder de bêste Fryske tiidwurkjes. Fan Nyckle Haisma binne noch foar de oarloch útkommen de twa Peke Donia-romans; se hawwe, mei ‘De Sûnde fen Haitze Holwerda’, in rige fan jierren heard ta de meast lêzene Fryske boeken. Hwat de muzyk yn Fryslân oanbilanget kin ek fan in oplibjen praet wurde sûnt de Jongfryske tiid. Nou hat de Fryske sang sûnt de njoggentjinde ieu altyd in wichtich plak ynnommen yn it folkslibben; fan it Selskipslieteboek is noch yn 1930 in nije printinge forskynd, en it ‘Nij Frysk Lieteboek’ fan Piter Jelles en T.E. Halbertsma hat ek fjouwer printingen bilibbe. Dêrnêst binne ek lytsere lieteboekjes útkommen. Twa operettes, Fryske teksten fan G.L. van der Zwaag en muzyk fan U. Driebergen en G. Haasdijk, hawwe net altofolle sukses hawn, mar it bisykjen wie yn elts gefal fortsjinstlik. Dit wie almeast folkloristysk wurk, al hie Van der Zwaag der ek wol hwat anti-militarisme yn bimongen. In part fan de wizen fan de lieteboeksangen wie fan muzykmasters fan eigen boaijem. De Jongfryske Mienskip hat in rige lieten nije styl mei muzyk útjown. Fan de dichters hat binammen Fedde Schurer tige forlet hawn fan goede sjongwizen by in tal fan syn fersen. Hy hat dêrfoar faek in birop dwaen kinnen op Laurens de Rook, Lemster lyk as hy en man út in by útstek muzikale famylje. In komponist út de Jongfryske rounte wie Paulus Folkertsma út Aldeboarn, dy't net allinne lieten op muzyk sette en graech mei kanons pielde, mar him ek weage oan ynstrumintael wurk as kwartetten en symfonyen. Fryske biweging en byldzjende kunst: it hat de Jongfryske Mienskip west dy't bisocht hat dêr in bân tusken to lizzen, al is it ‘departemint fan kunst’ net folle mear wurden as in papieren ding. Nou hie it wol sa west dat in fortsjinstlik byldhouwer as Pier Pander him ek yn it fiere Rome altyd Fries fielde, en de skilder-grafikus Ids Wiersma troch it úttekenjen | |
[pagina 316]
| |
fan âlde Fryske steds- en doarpsbylden en fan yn ûnbrûk reitsjend boerereau en -ark winlik ta de Fryske biweging hearde. Bikend is hy wurden binammen troch syn yllustraesje yn de lettere printingen fan de ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma's; in goed en deeglik fakman en geastlik hearrend ta de neiteam fan Waling Dykstra. De Mienskip lykwols hat de byldzjende kunst wer sjen wollen as hearrend ta it totael fan de Fryske kultuer. Der is al earder hwat sein oer de relaesjes tusken Douwe Kalma en Herman Martin, in jiermannich direkteur fan it Frysk Museum en flitich meiwurker oan Jongfrysk kunstsinnich kursuswurk. Neitiid hat de Mienskip tige wurk makke fan it bifoarderjen en oanpriizgjen fan de ‘persoanlike kunst’ fan skilders as Joh. Elsinga en Egn. Ydema, lette ympressionisten allebeide. Grafyske kunstners as E. Caspers en Joh. Mulders binne winlik troch ‘De Holder’ as yllustrators nei foaren helle en hawwe ek letter in wichtich oandiel hawn yn it opkreazjen fan mannige boekútjefte. Yn de foaroarlochske jierren ûntjoech him de Ljouwerter Cor Reisma as in treftich skilder fan gea en minsken. Op it skilderkunstich mêd is der ek noch hiel hwat oars bard yn dizze jierren, ntl. de greate reorganisaesje dy't de nije direkteur fan it Frysk Museum, dr. A. Wassenbergh, trochfierd hat. Hwat it museum hie oan skilderijen hat Wassenbergh letterGa naar eind210. biskreaun as ‘terra incognita’. Ta ûntdienens fan de museumkommisje mar mei goedkarring fan it bistjûr fan it Frysk Genoatskip hat hy it skilderijebisit skifte, systematisearre en troch forstannige oankeapen forgreate. Sûnt jowt it museum ek hwat de skilderkunst oanbilanget in byld fan de Fryske kultuerhistoarje. De totoanstelling yn 1936 fan wurk fan de barokke skilder en menniste foargonger to Ljouwert, Lambert Jacobsz (1598-1636), hat letter ek yn Amsterdam west. In totoanstelling fan moderne Fryske skilderkunst moast sletten wurde by it útbrekken fan de oarloch. Der moat noch hwat sein wurde oer de ûntjowing fan it folkshegeskoallewêzen. De folkshegeskoalle as ynstitút om binammen de jongerein fan it boerelân in foarming to jaen op kristlike en humanitaire grounslach is yn it forline yn Denemarken opkommen en hat dêr greate bitsjutting krige. By de rige fan doelen fan de Mienskip wie ek in Fryske folkshegeskoalle, mar dy is net fan de groun kommen. Datselde gou foar in bisykjen fan de journalist J.P. Wiersma, in man mei gâns konneksjes yn de noardske kontreijen. It hawwe lang om let de Van der Wielens west, omke Jarich en omkesizzer Hendrik, troch hwaens krewearjen op it Allardseach ûnder Bakkefean de earste Nederlânske folkshegeskoalle ta stân kaem. Jarich van der Wielen, dy't in skoft wethâlder fan Opsterlân west hie, | |
[pagina 317]
| |
joech der syn hûs mei trije bunder groun foar; Hendrik G.W. van der Wielen, yn 1930 promovearre op in sosiael-geografyske stúdzje oer Opsterlân, rette mei it organisatoaryske wurk. It earste bigjin wie de oprjochting fan in foriening ta stifting fan in folkshegeskoalle yn 'e hjerst fan 1931 to Ljouwert. Nei har grounslach wie de foriening great-Nederlânsk, mar der siet foargoed in stik Frysk idéalisme efter, hwat yn de praktyk fan it kursuswurk dúdlik ta utering kaem. H.G.W. van der Wielen ûntjoech him ek ta in goed kenner fan de Fryske skiednis, mei bilangstelling binammen foar de sosiael-ekonomyske kant dêrfan. Der wie dêr hwat yn to fornimmen fan in forpleatsing fan aksinten, hearrend by de geast fan de folkshegeskoalle: mear omtinken foar de folksmienskip yn har wikseljend lot as foar steatkundige feiten en jiertallen. In skiednis fan Fryslân fan dr. Van der Wielen (yn de Hollânske tael) is mar foar de helte útkommen; it earste part fan de oare helte is yn hânskrift to Middelburg forlern gien yn it oarlochsgewelt fan maeije 1940. It wurk fan dizze earste folkshegeskoalle hat yn de lettere tritiger jierren foar in great part bistean moatten yn it ûnderrjochtsjen en bimoedigjen fan jonge wurkleazen, hwerfan de iene keppel de oare ôfwiksele. Dat hie sa krekt de bidoeling net west fan de oprjochters, mar dizze kursisten kamen utersté net oan in forkeard adres. It wie foarmjend en sosiael wurk fan hege wearde, mei ek troch de diskusjes. Stipe fan hegerhân hat yn dy tiid in fikse útwreiding fan gebou en groun fan de folkshegeskoalle mooglik makke. Underwilens hawwe bistean en wurk fan it Bakkefeanster ynstitút ek wer libben blaesd yn it stribjen nei in alhiel Fryske folkshegeskoalle. It wie binammen jongerein fan ûnderskate rjochting dy't har der foarspande, mei alle help fan de lieding fan Bakkefean. Ta de oprjochting fan in Fryske organisaesje is it net earder kommen as yn 1939. De foarm wie in mingde stifting. In eigen folkshegeskoalle moast op dat stuit wol in fier ideael lykje. Yn it relaes fan foaroarlochske feiten moatte inkelde dingen noch neamd wurde. Dêr is alderearst de opkomst fan it Boun fan Frysk-nasjonale Jongerein, ûntstien yn 1936 mei as gongmakker Tsjalling Terpstra, mar dêr't letter mannen as Klaes Veenbaas, Pyt Zylstra, Atze de Vries en Tsjeard Joh. de Jong de lieding yn krigen. It wie in striidfurdige klub sûnder ekstremistyske ballêst dy't nei maeije 1940 gjin muoite hie mei it kiezen fan de goede kant. Fierders: Wumkes, op 4 septimber 1939 sawntich jier wurden, waerd yn it Coulonhûs op in sobere wize huldige. Prof. G. Gosses romme syn wurk en joech mei rjocht en reden tige heech op fan syn kennis en syn flyt; Piter Sipma bea in troch Cor Reisma treflik skildere portret oan fan de | |
[pagina 318]
| |
man dy't nei in wurksum libben einlings ta wie oan syn pensioen. En op 20 oktober 1939 forstoar Onno Sytstra, 81 jier âld. Sa lang libbe as Waling Dykstra hied er net, mar dochs lang genôch om in stik by de tiid binefter to bliuwen. Bûten de grinzen wie de oarloch al bigoun en oan de easterkym wankte ûnheil. Oan it iepen grêf yn in wyn dy't winterkjeld wytge naem in rige sprekkers ôfskie fan in stege Fries en it stikje forline dat hy fortsjinwurdige. |