Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 291]
| |
Unwissens en drigingDizeniger forskillen - De Mienskip Selskipskrite - Stientsjedei to Stiens - Unheil yn 'e fierte - It ûnderwiis: forhael yn ôfleveringen - It 500-jierrich bistean fan Ljouwert as stêd - Einlings Frysk op skoallen mooglik - De Greatfryske lângeanne to Medemblik - Oprjochting fan de Fryske Akademy.Al earder is sein dat de ideologyske skiedingen yn Fryslân fan 'e midden fan de tweintiger jierren ôf neigeraden har skerpte forlern hawwe. De Upstalbeam en net to min de Underwysrie wiene stappen nei ienheit yn en boppe forskaet. Wol hie Wumkes nei it bineamen fan de leden fan de Underwysrie noch bisocht om út to lizzen dat elk syn gerak krige hie; fêst stiet lykwols dat by him winlik net it stribjen foarsitten hie nei it finen fan in soarte ôfspegeling. It gyng ek om hwat oars; it gyng der gewoan om in bistjûrsromte gear to stallen fan minsken dy't neffens geast en kundigens Frysk ûnderwiis en ek wittenskip yn de romste bitsjutting bifoarderje koene en woene. Mienskiplik wiene hja (alteast neffens Wumkes) ‘Jongfrysk’ bisiele. Op de fakânsje- en winterkursussen fan de Underwysrie moeten mekoarren sûnttiid lju út alle selskippen en geastlike formiddens. En de AFUK, gearstald wol út de selskippen, mar yn haedsaek wurkjend mei (provinsiael) jild fan de Underwysrie, waerd op dizze wize hast in semi-offisieel ynstitút. Dat der ûnderkommisjes wiene foar iepenbier en bysûnder ûnderwiis ûnderstreke dat earder as dat it der mei yn striid wie. De Upstalbeam is yn 1933 ûntboun, mar net sûnder dúdlike spoaren nei to litten. Syn bitsjutting hat binammen west it nei elkoar ta bringen fan de jongere minsken fan ûnderskate rjochting dy't yn de selskippen, hjir earder en dêr letter, it wurk oernamen fan in generaesje mei yn har geastlike bagaezje de tsjinstellingen en de skelen fan it forline. Oan ien lange strideraesje kaem in ein: dy tusken Selskip-1844 en Mienskip. Fan it ôfgean fan Douwe Kalma as Mienskipsfoarsitter en lieder yn 1932 is al gewach makke. Kalma hat it doe noch wer op oare wize bisocht, ntl. troch it oprjochtsjen yn 1933 fan in ‘striidboun’ dat hy it Frysk Front neamde. Yn hoefier de Mienskip dêr in diel fan west hat is net sa krekt nei to gean. Der is reden om oan to nimmen dat de kranteforslaggen, dêr't it út opmakke wurde kin, fan Kalma sels ôfkomstich wiene. Neffens syn karbrief bistie yn dit Fryske Front it liedersbigjinsel, | |
[pagina 292]
| |
In bûten- en in binnenside fan in fakânsjekursus-programma fan de Underwysrie. Joh. Mulders tekene almeast de omslaggen. Op dizze kursussen plichten ek gâns Bûtenfriezen ôf to kommen. *
mar wiisde it de faksistyske methoade ôf. Orgaen wie ‘Us Striid’, in lyts bledtsje dat earst útjown wie fan de Fryske Parse, it fier fan dúdlik ynstitút fan Kalma en Jan Melles van der Goot. Dat Van der Goot yn syn maet Douwe Kalma alhiel gjin lieder seach, is al meidield. En yn elts gefal stiet wol fêst dat as Kalma troch dit Front wer de lieding fan de Mienskip yn hannen krije wollen hat him dat net slagge is. Yn 'e hjerst fan 1934 liet Kalma witte dat it Fryske Front bistie út trije forieningen: de Mienskip, de Foriening for Fryske Folkskunst en it Frysk Selskip. Hwat dat Frysk Selskip wie is nea alhiel opheldere: hwant it nûmer fan ‘Fryslân’, it blêd fan it Selskip-1844, dêr't samler W. Hielkema biswier yn makke tsjin hwat hy seach as de ûnearlike konkurrinsje fan Kalma syn kant, wie noch net forskynd of dêr wie al it birjocht dat it nuvere klubke wer út de tiid wie. En sahwat tagelyk wie der noch in hiel oar birjocht, ntl. dat de Mienskip bisletten hie mei yngong fan 1935 as krite Huzum diel út to meitsjen fan it Selskip-1844. Dizze stap hat allinne mooglik west om't Kalma de lieding net mear yn hannen hie. Kalma syn skermesearjen mei in eigen Frysk Selskip hat in machteleaze tsjinaksje west. Hysels wie, lyk as bikend is, al lang lid fan it Selskip-1844; mar hy hat dochs ek altyd in biskate persoanlike oanhing holden, en syn Frysk Front hat yn it earstoan faeks noch wol hwat mear west as hy allinne. Doch kin it gerêst in ienmansûndernimmen neamd | |
[pagina 293]
| |
wurde, ek troch it liedersbigjinsel dat der yn gou. J.J. van Weringh hat der yn 1935 noch it papieren oerbliuwsel fan it Frysk Faksistefront yn ûnderbrocht. It wie neat by neat. It Selskip-1844 hat sûnder mis profyt hawn fan de ynjeksje dy't de oansluting fan de Mienskip bitsjutte. Wol sieten forskate Mienskipsleden al earder ek yn it Selskip, mar nou koe de Mienskip ek as gehiel har oanpart krije yn it Selskipswurk. Underwilens hie R.P. Sybesma, dy't Onno Sytstra opfolge wie as samler, al nei in jier dizze funksje oerdroegen oan W. Hielkema; mar yn de frijhwat wikseljende redaksje fan ‘Fryslân’ binne it fierder almeast Mienskipsleden fan de âlde en de nije garnituer: J.H. Brouwer, S.D. de Jong, J.K. Dykstra (opfolger fan Hielkema) en S.J. van der Molen. W. Th. Zwart waerd propagandalieder. Der siet wer hwat aksje yn en it ledetal bigoun ek omheech to gean, al rekke dêr de gong pas foargoed yn doe't oan 'e ein fan de tritiger jierren de krisis hwat bilune en tagelyk de oarlochsdriging tichterby kaem. Midden yn de krisis en yn deselde snuorje dat yn Dútsklân Hitler oan de macht kommen wie, is yn Stiens in Troelstra-stiente ûntbleate. It hat binammen Winkelman fan it Bûtenboun west dy't de aksje foar in Piter Jelles-monumint op gong brocht hat. En Stiens wie it plak, dêr't de yn 1930 forstoarne Fryske dichter neffens himsels syn moaiste oantinkens út meinommen hie. Oan de aksje hiene nêst it Bûtenboun it Selskip-1844, de | |
[pagina 294]
| |
Mienskip en de Upstalbeam yn syn neidagen meidien. It Kristlik Selskip en it Roomsk Frysk Boun hiene har ôfsidich holden. Oer it oan 'e kant stean fan it Kristlik Selskip hat Fedde Schurer syn spitigens bitsjûge yn in brief oan Folkertsma. It blykt út it antwurd fan Folkertsma dy't skriuwt: ‘It is ús slagge it Selskip to nationalisearjen, mar noch net om it to kerstenjen’Ga naar eind205.. Mar yn it eare-komité wie Wumkes eare-foarsitter en hie ek Willem Kok, in oare foarman út it Kristlik Selskip en âld-Stienzer, sitting. En it net meidwaen fan it Roomsk Frysk Boun wie gjin bihindering foar in sa foaroansteand lid hjirfan as Arjen Witteveen om in oanpart to hawwen yn de architektuer fan it stiente. Hwant Piter Jelles syn kop, moai beitele fan Tjipke Visser, moast fansels in passend ramt hawwe. De plechtichheit wie op 20 april 1933, doe't mei in taspraek fan Selskipsfoarsitter Jan Walings Dykstra en in huldigingsrede fan Jaep Winkelman, it monumint oerdroegen waerd oan de gemeente Ljouwerteradiel. Foar de gemeente spriek boargemaster J.G. Jansonius, in âlde maet fan Troelstra yn de politike striid. Neitiid wie der noch in greate gearkomste yn de tsjerke, dêr't Wumkes de geastlike eftergrounen fan de dichter Piter Jelles biljochte sa't dy yn syn wurk ta utering kamen, en fierder in great progamma fan muzyk, sang en deklamaesje ôfwurke waerd. De dei waerd bisletten mei in jounsgearkomste, dêr't it oan Piter Jelles wijde stik ‘In Stienser Jonge’ fan Sibe Douwes de Jong en Reinder Brolsma opfierd waerd. Sa hie ek Stiens syn stientsjedei hawn. In moaije en rêstige dei yn in wylde tiid. Net allinne yn Dútsklân wie it to rêdden; yn it eigen lân wie op dat stuit de duning oer it oproer op it oarlochsskip ‘De Zeven Provinciën’ yn de Yndyske wetters noch mar amper bilune. It oproer wie fuortkommen út in oankundige leanmindering foar it marinepersoniel; mar dejingen dy't der ek in Yndysk-nasionalistyske utering yn seagen hiene net alhiel ûngelyk. De wrâld sa't men dy doe noch koe rekke hwat út de foegen. It skrikbyld Nederlânsk-Ynje to forliezen joech in wynflap yn it seil fan Mussert syn partij, dy't oan doe ta mar in bytsje to bitsjutten hawn hie. It tilde op fan uteringen fan striidré patriottisme. Dochs klonken dy yn Fryslân net sa lûd. As fanâlds gyngen de dingen hjir mear har eigen gong. De tarin fan Friezen nei de NSB koe gjin sprekken lije, hoe tige fan dy kant ek de ealens fan it Frysk bloed propagearre waerd. Roerigens wie der oars genôch, binammen ûnder de lânarbeiders mei har heech persintaezje oan wurkleazen. Yn de Súdeasthoeke jage winlik de iene konfliktsituaesje de oare. Fan rjochts ekstremisme wie dêrby gjin sprút to fornimmen; earder like it der út en troch op dat de dagen fan Domela Nieuwenhuis weromkommen wiene. Under de boeren leine de opfettingen hwat minder dúdlik. De bûter | |
[pagina 295]
| |
gou wer ris gjin jild, en it earste ûntwerp fan in Pachtwet wie yn 1932 yn de Earste Keamer strânne. Der wie doe wol yn sawn haesten in Krisispachtwet ta stân kommen, mar dy joech ynearsten net safolle útkomst. It boun fan hierde boeren ûnder lieding fan Hindrik van Houten stie yn in fûle striidposysje. Mar der ûntstie yn dizze snuorje ek in Frysk agrarysk boun mei hiel oare idéen. Dit boun wie in ûnderdiel fan de biweging Landbouw en Maatschappij dy't der fan útgyng dat de boerestân de feitlik iennichste produktive krêft wie yn de folksmienskip, mar ûnbiskerme oerlevere oan in rige fan organisearre machten, forskoveling wurden ynpleats fan hwat him takaem: boppenoan to stean yn de ekonomyske en maetskiplike rangoarder. Yn theory hie dat hwat fan in tobekfallen op de lear fan de Frânske fysiokraten út de achttjinde ieu; der siet lykwols in stik forhearliking fan boer, bloed en boaijem efter fan dúdlik nasionael-sosialistyske komôf. Nou hat yn de deistige praktyk yn Fryslân dizze opfetting minder to bitsjutten hawn as de ek fan de Fryske Mij. fan Lânbou mear en mear fordigene eask, dat de oerheit de boer foar syn produkten goede prizen garandearje moast. Al bleau yn dizze hiele ûntjowing it boun fan hierde boeren mei syn great tal Fryske leden en syn duorjend stribjen nei in rjochtfeardige Pachtwet in demokratysk elemint, hielendal bûten de oanboazjende bitizing en bitterens koe ek dizze organisaesje har net hâlde. Der tsjinne him yn dizze minne tiid noch in nije keppel boeren oan: dy fan de yn wurkforskaffing oanmakke marginale groun. Yn mear as ien gearkomste yn Fryslân waerd de eask fornommen, reade kleurstof to mingen troch de margarine, sadat it ûnderskied mei it ‘natûrprodukt’, de boerebûter, foar eltsenien to sjen wie. Hie it safier kommen, dan wiene sûnder mis ek gâns lytse boeren troch de koer fallen. Under al dizze bidriuwen gyng de aksje foar it Frysk ûnderwiis troch. Foar de propaganda yn Fryslân sels wie yn 1930 oprjochte de Fryske Underrjochtliga, dy't foarstanners fan it Frysk ûnderwiis fan alle rjochtingen foriene. De Liga, dy't it al gau ta sa'n seishûndert leden brocht, die ek war it ûnderwizend personiel geastlik better ta to rieden foar it Frysk op skoalle. Mar it foar dizze minsken ornearre blêd ‘De Weitsrop’ hat it dochs net lang útholden. Folle langer, oant yn it bigjin fan de bisettingstiid, hat it oare Ligablêd, ‘Folk en Tael’, it nut en it rjocht fan it Frysk op skoalle bipleite. Mei it wetlik rjocht fan it Frysk ûnderwiis bleau it ynearsten lijen. Minister Terpstra, dy't hwat ûnder druk stie fan Twadde Keamerleden en de organisaesjes yn Fryslân, hat him net fan it probleem ôfmeitsje wollen. De Nederlânske Onderwijsraad hie ôfret it Frysk op 'e skoallen as sels- | |
[pagina 296]
| |
stannige tael in plak to jaen nêst it Nederlânsk; it soe ‘een opzettelijke bevordering beteekenen van tweetaligheid in het lager onderwijs, met alle bedenkelijke gevolgen daarvan’. De Onderwijsraad koe it op syn heechst lyk fine mei de omskriuwing, dat yn de hegere klassen hwat ûnderwiis yn ‘levende streektalen’ mooglik wie. Oer dit alles hinne kaem wer in adres fan de Fryske biweging dêr't mear yn frege waerd, ntl. in goed omskreaun plak yn de wet foar Frysk ûnderwiis. In skoft hat it der op like dat der dochs noch hwat fan komme soe; it kabinet hie him foriene mei in wetsoanfolling dy't it Frysk in plak joech as alternatyf learfak. Dat wie mear as de Onderwijsraad winlik oanret hie. It punt is lykwols nea yn bihanneling kommen. Der wiene forkiezingen yn 1933, en de Twadde Keamer hat it lizze litten foar it nije parlemint. Dêrmei is it hielendal fan de baen rekke. It forhael wurdt letter forfolge. Wol hat it eigenskip noch efkes it each gean to litten oer it thúsfront. Troch it wurk fan de AFUK wie der stadichoan in moai great tal aktebisitters kommen, mar dochs ynearsten noch fiersto min om de garânsje jaen to kinnen dat by ynfiering fan it Frysk op de legere skoallen daliks genôch bifoege krêften klear stean soene. Alle diplomearren wiene ek gjin ûnderwizers. En alle ûnderwizers wiene lang gjin foarstanners fan Frysk ûnderwiis. Wol hie de Liga-aksje de saek rounom tige yn de bilangstelling brocht; mar tagelyk wie ek de wjerstân greater wurden. Party Friezen achten harsels en har bern to goed foar de folkstael. En hwer't de sentiminten losbrekke, dêr binne arguminten fakentiden machteleas. De iepen striid waerd lykwols levere mei arguminten, ûntliend oan de pedagogyk en de skoallepraktyk. Ien fan de fûlste tsjinstanners wie yn it bigjin fan de tritiger jierren haedynspekteur L. Welling. By gelegenheit fan in Frysk ûnderwiiskongres to Ljouwert hied er him alris tsjin it Frysk op 'e skoallen forklearre; en yn 1932 yn in debat mei J.K. Dykstra, journalist en âld-ûnderwizer, sei er wurdlik dat hwat goed is foar it Frysk forkeard is foar it Hollânsk. De debaters praetten lykwols foar in part by mekoarren lâns, om't J.K. Dykstra binammen it rjocht en it bilang fan it Frysk fordigene en Welling syn noarm mear wie it goed hanthavenjen fan it bisteande learplan. Wie it wier hwat Welling sei? Wie it wol sa dat Frysk ûnderwiis skealik wie foar it Hollânsk? Of soe it wêze kinne dat hwat twataligens ek it bigryp fan it Hollânsk to'n goede kaem? Welling, in striidber en warber man, bihearske dizze problematyk om dy tiid hinne noch to min en hie him der hwat al to emosioneel yn bijown. Doe't er him der stadichoan better ynwurke en ek merkbiet hoe tige de winsk nei ûnderwiis libbe by it bettere diel fan de ûnderwizers, hat er de moed hawn syn earste stânpunt falle to litten en mear en mear op bi- | |
[pagina 297]
| |
nammen pedagogyske grounen in foarstanner fan Frysk op 'e skoallen to wurden. Dizze ‘bikearing’ hat fan greate bitsjutting west; op mear as ien wize: der gyng de nedige oantrún fan út op Den Haech en it hie ek syn wjerslach op de hâlding fan de ûnderwizers, fan hwa't de foarstanners har sterke fielden en de tsjinstanners in stikje hâldfest ûntfoel. Yn de neisimmer fan 1935 waerd it 500-jierrich bistean fan de stêd Ljouwert bitocht mei in rige feestlikheden en trije tinkboeken, ien dêrfan yn it Frysk. It Frysk Genoatskip hie in histoaryske totoanstelling ynrjochte yn it Frysk Museum. By dizze gelegenheit kaem wer ris dúdlik it sintrael plak fan Ljouwert, binammen yn kulturele dingen, oan it ljocht. It Frysk tinkboek, dêr't it Selskip-1844 en binammen it haedbistjûrslid ir. K.A. Rienks foar ret hie, bifettet in nijsgjirrich stik fan K. Fokkema (de lettere heechlearaer) oer de ûntfrysking fan Ljouwert, dy't al bigoun is yn de sechtjinde ieu. De ûntfrysking is lykwols nea oer in biskate grins hinnegien; in grins dy't, nei't ek Fokkema wol útkomme lit, yn de njoggentjinde ieu faeks wer hwat tobekkrongen is. It hat binammen de boppelaech mei gâns ynkommelingen fan bûten west dy't de ûntfrysking toweibrocht hat. Dy boppelaech koe der lykwols sûnt de ûntjowing fan de Fryske biweging foar it hanthavenjen fan har eigen posysje fakentiden net foar wei en nim diel oan forieningen of manifestaesjes dy't it aparte plak fan Fryslân yn it foriene Nederlân útkomme lieten. Om hjir noch even op troch to gean: de wûnderlike foriening dy't it Fries Genootschap hjit, is yn de lettere jierren binammen it formidden wurden fan minsken dy't graech oanpart hawwe woene yn de rom fan Fryslâns forline, mar tagelyk in hege freding bouden sa gau't it gyng om it gebrûk fan de tael, it nijsgjirrichste erfskip dochs fan dat forline. Sa is dy nuvere hâlding ûntstien fan tige Frysk oan 'e iene kant en oan 'e oare kant a-Frysk of sels anti-Frysk. Yn de jiergearkomste fan it Genoatskip fan 1921 hat mr. P.C.J.A. Boeles dizze foriening oantsjutten as in yn oarsprong ‘zuiver Nederlandsche instelling, die wil spreken tot het Nederlandsche volk’. De histoarikus mr. Boeles moat wol better witten hawwe. De greate oantrún ta de oprjochting fan it Frysk Genoatskip is útgien fan it Gysbert Japiks-feest yn 1823. It Genoatskip wie in dúdlik Fryske ynstelling, dy't grif sprekke woe ta it Nederlânske folk, mar dan mei in rjocht dat foargoed ek ûntliend wie oan it bistean fan de eigen Fryske tael en hwat dêryn skreaun wie. De ambivalinte hâlding fan it Frysk Genoatskip bitsjutte, en dat die ek by it Ljouwerter jubileum wer bliken, in tige biheining fan syn mooglikheden. It apart forskinen fan in Frysk tinkboek (it Genoatskip hie sels ek ien, sûnder in wurd Frysk) wie dêr wer in biwiis fan. It stie gewoan sjesa, | |
[pagina 298]
| |
dat it Genoatskip as wittenskiplik lichem syn plak net mear skjinmakke en de tiid ryp wie foar in organisatoaryske fornijing dêr't ek de tael yn ta har rjocht en gerak komme koe. Yn 1934 waerd dr. Godard Gosses, in jiermannich tofoaren promovearre op in dissertaesje oer de Fryske oarkonden yn it archyf fan it Ljouwerter St. Anthony-Gasthûs, fanwegen de Fryske Underwysrie bineamd ta bisûnder heechlearaer yn it Frysk oan de gemeente-universiteit fan Amsterdam. In healjier letter waerd hy mei deselde learopdracht ek bisûnder heechlearaer oan de Utertske universiteit. Hy wie de earste professor yn it Frysk; Buitenrust Hettema hie it nea fierder brocht as privaetdosint en Sipma yn Grins, mei in rommer arbeidsfjild faeks, wie dochs net mear as lektor. It wie tige wichtich; mar it leger ûnderwiis moast nou einlings ek ris oan bar komme. It forhael hjiroer is ôfbrutsen by it weiwurden fan minister Terpstra syn wetsûntwerp. De forkiezingen fan 1933 leveren it (twadde) kabinet-Colijn op mei oan Underwiis mr. Marchant. Dy syn bidoelingen mei it Frysk binne net dúdlik oan it ljocht kommen. It hjitte yn it bigjin dat hy komme soe mei in regeling by keninklik bislút, hwertroch in wetsforoaring binefter bliuwe koe. Mar it wie de minister sels dy't yn 1934 forklearre dat dit net koe; it moast barre by de wet. Fan syn kant is dêr gjin risselwaesje foar makke. En doe't Marchant yn 1935 tuskentiids ôfgyng en yn syn plak dr. Slotemaker de Bruïne kaem, earst ad interim en letter definityf, like der winlik neat to wêzen dat útsjoch joech op forwêzentliking fan de Fryske winsken. Yn Fryslân, sei Slotemaker, wiene de mieningen dêroer noch to fordield. Dit sizzen fan de minister kin allinne mar taskreaun wurde oan ûnwittendheit of oan forkearde ynljochtingen fan syn departemint. De wierheit wie dat yn Fryslân winlik noch nea safolle ienriedigens west hie as op dat stuit. It wie ienriedigens op de minimum-grounslach fan it adfys fan de Nederlânske Onderwijsraad dat wol ‘streektalen in levend gebruik’ in biskieden plak jaen woe yn it learplan, mar it neamen fan it Frysk ôfrette. Op dy formule wie de Fryske biweging tobekfallen nei alle tsjinstuiten yn it forline, mar sterker steand nou mei de stipe fan de ryksynspeksje, Welling foarop. Slotemaker de Bruïne hat al moai gau bigrepen dat er him forsind hie en dat der nou einlings hwat barre moast. Der is reden om oan to nimmen dat er ek harkje wollen hat nei de arguminten fan it lid fan de Fryske Underwysrie, prof. Titus Brandsma. Yn it lêst fan 1936 hat hy de minimumregeling neffens it adfys fan de Onderwijsraad yn it kabinet der trochkrige. Yn 'e maitiid fan 1937 hat it parlemint it wetsûntwerp goedkard. | |
[pagina 299]
| |
Bulletin, net fan in kranfe mar fan de Fryske Underrjucht-liga dy't it nijs oer it oannimmen fan de wet-Slotemaker op dizze wize rounom buorkundich makke. *
It Frysk ûnderwiis oan 'e skoallen dy't meidiene soe bistean yn hwat tael en lêzen, twa ûre wyks, yn de hegere klassen. Gemeente- of skoallebistjûren moasten ít goedkarre. It wie fansels noch net folle; it bigjin fan in bigjin, neffens Folkertsma. Mar it wie yn elts gefal helte better as it west hie mei it muoisum, faek ûntankber en winlik altyd ûnfoldwaend, pielen mei it frijwillich lesjaen bûten de skoalle-ûren. It tal skoallen mei Frysk ûnderwiis kaem al ridlik gau boppe de hûndert út. De bilangstelling foar de Fryske akte wie yn 1938 sa great dat de kandidaten by parten eksaminearre wurde moasten; der wiene 56, dêr't 45 fan slaggen. Dizze oanstoarm saksearre de lettere jierren wol wer hwat, mar de niget bleau dochs greater as tofoaren, doe't ornaris it tal slagge kandidaten de tsien net helle. Der bistie ek in goed oparbeidzjen tusken de kweekskoallen en de AFUK. Learmiddels wiene der langer wol aerdich hwat: de taelboekjes fan J.K. Dykstra en fan Wendelaar Bonga, in rychje aerdige lêsboekjes, in staveringsboekje fan Douwe Kalma en fansels altyd noch de spraekkunst fan Hof en Sytstra, al hie de ûnderwizer dêr mear oan as de leading. Ek wiene der in pear gaedlike sjongboekjes. | |
[pagina 300]
| |
Safier wie it dus; mar de AFUK koe noch lang net fordwine. Wol waerd dizze kommisje ûntslein fan de soarch (en de noed) foar de kursussen bûten de skoalle-ûren en koe hja dêrom ek mei minder jild ta; mar ûnder de âlderein wie noch in ûnbidigen efterstân yn to heljen. Op dat wurk hat de AFUK har neitiid smiten mei har folk- en gea-leargongen, dy't al gau in greate tarin krigen. Bifoardere is dat sûnt 1940 troch de Dútske bisetting, doe't ûnder de minsken de oanstriid om har ta to lizzen op it eigene safolle greater wie as yn de tiid dêrfoar. Yn de winter fan 1940 op 1941 wie it tal fan dizze leargongen al fier oer de tjirtich, hjir en dêr mear as ien op itselde plak. It waerd noch mear: 1942/'43 sawntich, en yn de lêste oarlochswinter hiene it sa'n hûnderttweintich west, as se trochgien wiene. Dat in stik foar de bisettingstiid it swurk al drige, kaem moai dúdlik ta utering yn de geast fan stillens by de Greatfryske lângeanne to Medemblik yn 1937. It wurd kongres koe der net mear ôf en in plak fierder fan Dútsklân ôf as Medemblik hie min to finen west. De Westfriezen hiene oan eardere Greatfryske kongressen net meidien, mar der wie nou in foriening (Westfrieze Styk) dy't de organisaesje op har nommen hie; en sa koe foar it each dizze lângeanne in plak krije yn de noch jonge tradysje fan de Greatfryske gearkommens. De midsimmer, de skildereftige stêd en it âlde slot (mei ûnrjocht Radboud neamd) as sintrum fan de gearkomsten: oan de omballingen lei it net dat de geast sa flau wie. Dat kaem om't elkenien wist dat oer forskate dingen ditkear better net praet wurde koe, alteast net iepentlik. Hwant de hân fan Hitler lei swier op Dútsklân; en sûnder Dútskers hiene Greatfryske moetingen gjin doel. Sa waerd it in strang wittenskiplik gearwêzen mei professor Borchling út Hamboarch as sprekker oer de foroaring fan de tael yn Eastfryslân, de Noardfries dr. W. Krüger oer it sakjen fan de sékust, professor A.E. van Giffen oer it systematysk terpe-ûndersiik (it graven by Ezinge wie in jiermannich earder rékommen), dr. A. Campbell út Oxford (yn it plak fan professor Craigie) oer oerienkomsten en forskillen tusken it Ingelsk en it Frysk en professor G. Gosses oer Gysbert Japiks as psalmbirimer. De filology krige yn dit gearkommen wol tige har gerak, hwant der wie ek noch in ynlieding oer de tael fan Westfryslân fan G. Karsten. Gosses wie de iennichste dy't it Frysk as fiertael brûkte. Der is fan dizze lângeanne, dy't ûnder lieding stie fan Piter Sipma, net folle rop útgien, al hiene sawol de kommissaris fan de keningin yn Fryslân as dy yn Noardhollân har wichtich genôch achte om in stik derfan by to wenjen. Op in kofjemiel soarge de Grinslanner K. ter Laan noch foar in nijsgjirrige noat. Grinslanner: hy stie wol oan 'e ein fan lange jierren | |
[pagina 301]
| |
Minister Slotemaker de Bruïne hat wol it Frysk op 'e skoallen der troch krige, mar wie net ré om antwurd to jaen op Fryske brieven. *
Keamerlidmaetskip foar de SDAP en boargemaster fan Saendam, mar soe him noch jierren wije oan tael en folklore fan de provinsje dêr't er berne en opwoeksen wie. Grinslanners, woe K. ter Laan hawwe, wiene gjin Friezen, mar Chauken fan komôf. It joech hwat opskuor en hwat diskusje, hwant krekt tofoaren hie professor Borchling fan de Chauken-mythe net folle hiel litten. It hat faeks eigenskip noch in wurdmannich to sizzen oer K. ter Laan, dy't in Grinslanner wurdboek en in Grinslanner ensyklopedy gearstald hat; in man, kundich by útstek, ek yn de polityk, dy't dochs op folslein emosionele grounen altyd moai skerp distânsje holden hat fan hwat yn Fryslân kultureel geande wie. Der is fan Ter Laan ek noch in struiblêd út de tritiger jierren, dêr't er it gebrûk fan de Fryske tael yn de âlde lânrjochten fan hwat letter de Grinzer Ommelannen hjitten, taskreau oan de oerhearsking troch in frjemde (Fryske) macht. Ter Laan hie gâns biwûnderers, en mei rjocht, mar foar dat stânpunt hat hy dochs fan nimmen byfal krige. Yn Fryslân wie ûnderwilens wol de oertsjûging oanripe dat der in yn- | |
[pagina 302]
| |
stitút fan Fryske wittenskip komme moast. Doe't ds. Huismans yn 1914 op oprjochting fan in soarte akademy oanstie, wie dat sa likernôch in rop yn de woastyn. Der wiene op dat stuit noch net folle Friezen dy't bigripe keene hwer't sa'n ynstitút foar tsjinje moast. Der bistie dochs al in Frysk Genoatskip; koe Fryslân dêr net mei ta? Hwat it Genoatskip kinnen hie as it wollen hie, is net sa krekt to sizzen. Mar it Genoatskip koe net en woe net. It hie moai folslein ôfskie nommen fan de Fryske tael en yn rommer forbân fan it moderne Fryslân. It hie de forbiningstried tusken âld en nij Fryslân forbrutsen. Der wie forlet fan in wittenskiplik ynstitút dat it juster, it hjoed en it moarn wer mei mekoarren forboun. It wie binammen nedich, de tael yn al har aspekten it greatst mooglik omtinken to jaen. By it Genoatskip stuite dat ôf op in muorre fan emoasjes. Dat Wumkes yn in rede foar it Frysk Genoatskip yn 1919 in Akademy fan Wittenskip, dêr't er foar pleite, seach as in aparte ôfdieling fan it Genoatskip, is al sein. Mar foar him en foar oaren dy't op dat stuit noch achten dat it fan dy kant komme moast, moat it grimmitich ôfweven fan it Genoatskip mei de Jongfriezen yn 1920 en 1921, doe't sels in kear de Fryske tael útballe waerd, wol it biwiis levere hawwe dat dêrwei neat mear to forwachtsjen wie. It hat de Underwysrie west dy't neitiid de Akademy op syn program sette, al wie it yn it earst in soarte memoarje-post. Yn de gearkomste fan 27 april 1931 tekene prof. Titus Brandsma de kontouren fan in Akademy sa't hy dy seach: in rounte fan Frysk-pratende en Frysk-skriuwende biwittenskippe persoanen, winlik net mear as in man of tritich, dy't bineamd wurde moasten op titel fan biwiisde kundigens. It punt wie ‘akademysk’, ek op in oare wize; mar yn bigjinsel wie de Underwysrie der dochs foar. Twa jier letter spriek de Underwysrie him formeel út foar in Akademy, mei de forklearring der by dat de tiid der noch net ryp foar wie. Mar de loft siet fol ûnrêst, foroaring en ûngeduld; en yn dit gefal wiene it de studinten dy't der faesje efter setten. Yn it studinte-almanak 1936 neamde de biology-studint S. Bloembergen in Fryske Akademy ‘mûglik en nedich’, en deselde Bloembergen hat letter op oanstean fan it Krystkongres fan de Studintefederaesje in wiidweidich rapport hjiroer opsteld en oan de Underwysrie stjûrd (1937). De Underwysrie hat op 30 maeije 1938, fiif jier nei syn formele útspraek, de kûgel troch de tsjerke jage. De gearkomste fan 30 maeije wie goed taret. Foarsitter Wumkes hie al in konsept-karbrief ré, opsteld yn oerliz mei kommissaris Van Harinxma, lektor Sipma en fortsjinwurdigers fan de Selskippen en it Genoatskip. Der is gjin oanwizing dat it Genoatskip biswieren makke hat of kondysjes steld oer it ôfbeakenjen fan de arbeidsfjilden. De Akademy wie frucht fan | |
[pagina 303]
| |
De oprjochtingsgearkomste fan de Fryske Akademy yn 1938. Efter de tafel fan l. net rj.: Prof. dr. Godard Gasses, prof. dr. J.F. Koksma, dr. G.A. Wumkes, mr. P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, J.H. Brouwer (doe noch gjin doctor), prof dr. J.M.N. Kapteyn, prof dr. G.S. Overdiep. Steand: lektor Sipma, dy't de iepeningstaspraek hâldt. Sittend rj. efteroan: Douwe Kiestra, Tsjisse de Jager en frou A. Brouwer-Prakke. De Steateseal wie wol in passende entourage foar dit foar Fryslân wichtich barren. *
in ûntjowing dêr't it Genoatskip fan wist net oan meidwaen to kinnen. Syn eigen foarsitter hie oanpart hawn yn de tarieding fan dit ynstitút. Wumkes syn opset wie oars as prof. Brandsma sines yn de earste skets. Gjin strang wittenskiplike easken foar it lidmaetskip woe Wumkes; elkenien dy't hwat út 'e wei set hie op it gebiet fan wittenskip en kunst, ek al hied er gjin wittenskiplike oplieding hawn, soe yn de bineaming komme. It wie de brede basis dy't de mooglikheit bea ek kunstners, skriuwers en sneupers yn it Akademywurk to biheljen. Stiper koe elkenien wurde. Wumkes syn konsept is yn haedsaken oannommen. Foroare waerd al de namme Fryske Akademy fan Wittenskip. It waerd gewoan Fryske Akademy; winlik in ‘ynstitút foar it Fryske folk’, dêr't in foech tweintich jier earder Douwe Kalma en syn maten it Frysk Genoatskip ta herfoarmje wollen hiene. Der wie gjin ûntkommen oan: de oprjochting fan de Akademy wie tagelyk in brevet fan ûnformogen foar it Genoatskip, al is dat yn Fryslân, dêr't it Genoatskip to heech boppe it meastepart fan de | |
[pagina 304]
| |
minsken stie, net iens sa dúdlik field. Mar út de stêd Leijen kaem de lilke stimme fan prof. dr. Durk van Blom, in man dy't ek noch frege wie sitting to nimmen yn it Akademybistjûr. Dizze leat fan de bikende Van Blom-famylje seach yn de oprjochting fan de Fryske Akademy in utering fan de bikende Fryske ‘lust tot scheuring’; nêst it Frysk Genoatskip hie neffens him in Akademy gjin ‘redelijk bestaansrecht’, ek al soe ‘wat meer fries het Genootschap niet misstaan’. Hy skreau it yn ‘De Gids’, net yn de Ljouwerter krante; en hy skreau it ek net út namme fan it Genoatskip, dat mar al to ré wie ta de hâlding fan hoe stilder hoe better. Sûnder prof. dr. Durk van Blom gyng it ek wol. Foarsitter waerd lektor P. Sipma, skriuwer J.H. Brouwer, skathâlder prof. dr. J.F. Koksma. Mei dr. Wumkes waerden dy it deistich bistjûr. Fierdere bistjûrsleden waerden prof. dr. J.M.N. Kapteyn, prof. dr. G.S. Overdiep en prof. dr. G. Gosses. Kommissaris Van Harinxma akseptearre it eare-foarsitterskip. De earste trije eare-leden waerden prof. W.A. Craigie, Oxford, prof. Th. Siebs, Breslau, en notaris Nanne Ottema, Ljouwert. Mei Ottema wie it hwat in bisûnder gefal. Fan hûs út wied er in typyske Genoatskipsman; en yn 1921 hied er sines ek noch bydroegen ta de ‘fury’ tsjin de Jongfriezen. Mar tagelyk wied er ek in hwat iensume figuer; sûnder bern en sûnder sibbe freonen. Kunstsinnich oanlein foun er foldwaning yn fûleinich opkeapjen en sammeljen en, as dat sa útkaem, ek yn in mecenaet dat sprekken lije koe en dêr't ek oer sprutsen waerd. Sa is it kommen dat hy it l8de-ieuske Coulonhûs oan de Doelestrjitte to Ljouwert de nije Akademy as ûnderkommen oanbiede koe. It wie sines; hy hie it kocht en restaurearje litten. Sûnder him fan it Genoatskip ôf to kearen bigunstige er dochs de nije styl en akseptearre er in plak foaroan tusken de biwittenskippe FrysksinnigenGa naar eind206.. Fansels, Van Harinxma siet der as eare-foarsitter ek by. Mar dy die mei as ‘gouverneur’ (in wurd dat hy graech brûke mocht) folle mear dan as foarsitter fan it Genoatskip. Hy wie in man dy't der sines ta dwaen woe de Fryske biweging yn goede banen to hâlden. De lieding fan de Akademy bistie út bisteklik folk. Opkearen fan ekstremisme hie yndertiid al mei foarsitten by it oprjochtsjen fan de Underwysrie. Sa hat Van Harinxma graech de earste sprekker wêze wollen op 'e iepeningsgearkomste fan de Akademy op 10 septimber 1938 yn de Steateseal fan it provinsjehûs, dêrre foar in ynternasionael publyk de hope útsprekkend ‘dat it Frysk-eigene en de wittenskip yn 'e bêste harmonije ûnder ien tek wenje meije’. Sipma forklearre dat ‘bergen fan wittenskip’ op wurkers wachten; hy neamde de Akademy ek ‘de kroane fan de Fryske biweging’. Ottema fortelde hwat oer it Coulonhûs, dat neitiid bisjoen waerd. Der folge in kofjemiel mei in | |
[pagina 305]
| |
lange rige sprekkers, en middeis wie der noch in wittenskiplike gearkomste yn de skilderijeseal fan it Frysk MuseumGa naar eind207.. Hwat it wurde soe mei de Fryske Akademy wie doe yn it bigjin noch net sa dúdlik to sjen. De kroane fan de Fryske biweging: der siet hwat retoryk yn dizze wurden fan Sipma. In kroane koe ek skoan net mear wêze as in ornamint. Mar it feit dat de Akademy in folksynstitút wurden wie yn pleats fan in hege boppekeamer foar gelearden wiisde al de goede kant út. Prof. Titus Brandsma hie dêr syn earste suggestje (in lichem fan sa'n tritich leden) ek graech foar falle litten. Der wie binammen yn it Selskip-1844 faek de klacht heard dat by de leden de nocht en wille sa tige foarop kaem en stúdzjesin sa fier efteroan. Mar stúdzje en fordjipping op hwat greater skael sûnder in stikje paedwizende boppebou hat altyd in hwat nuodlik ding west. Dy boppebou ûntbriek yn Fryslân sûnt it toloargean fan de universiteit en it lettere atheneum yn Frjentsjer. Allinne de bibliotheek wie oerbleaun en ûnder Wumkes syn direktoraet wer goed tagonklik makke foar elkenien dy't stúdzjemateriael nedich hie of niget hie oan sneupen. It wie de provinsiale oerheit dy't dat mooglik makke, lyk as ek de provinsiale oerheit mei it oprjochtsjen fan de Underwysrie it ûnderrjocht fan it Frysk bûten de skoalûren kânsen jown hie op in wize as de Selskippen it nea kinnen hiene. Hwat de Akademy oanbilanget, dat wie gjin provinsiael ynstitút; mar wol wie fan it bigjin ôf to sjen dat it foar syn wurk fierwei it greatste part op oerheitssubsydzje oanwiisd wêze soe. Bûtenwenstich wie dat alhiel net; wittenskiplike lichems binne sûnder oerheitshelp nou ienkear ûnbisteanber. It ta stân kommen fan de Fryske Akademy iepene foarútsichten op in ûntjowing dy't de Selskippen of alteast de bêsten ûnder har leden altyd wol foar eagen stien hiene, mar dêr't hja nea oan ta kommen wiene. Dat joech fansels gâns foldwaning; it bitsjutte lykwols ek in forskouwing fan aksint fan de Selskippen nei de nije ynstituten en net to min nei de oerheit. Mei oare wurden: it gewicht fan de Selskippen as organisearre milpunt fan de Fryske biweging waerd lytser, gewoan om't hja op biskate punten ta har doel kommen wiene. Hja rekken in diel fan har idéele ynhâld kwyt. Nou wie dêr fuortynienen noch net safolle fan to fornimmen; dúdlik wie lykwols al dat de gong fan saken fierder troch de anthithetyske fordieling yn de Fryske biweging hinnebriek. Grouwe subsydzjes krige de Fryske Akademy oars daliks noch net. De Underwysrie joech f 1500 foar in jier mei it ûnthjit, kommende jierren op 'en nij to bisjen hoefolle it lije koe. Der wie hwat jild oer sûnt frijhwat skoallen it Frysk ûnderwiis op har noed namen. De provinsje bigoun | |
[pagina 306]
| |
biskieden mei in subsydzje fan f 2000 foar fiif jier, ornearre foar wurdboekwurk. Dêrnêst joech hja in oanrinsubsydzje fan f 3000, dêr't tonei elk jier f 500 fan ôfgean soe. Der waerd nei't it skynt op tidige dat de stipers fiks ta de bûse gean soene. |