Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 278]
| |
Bigjinnende krisisjierrenNije ûnderwiisadressen - Piter Sipma lektor yn Grins - Douwe Kalma learaer yn Eindhoven - Unfoldienens oer it Bibeloersetten - Studinte-aksje en -reboelje - It Frysk Faksistefront - De Mienskip reorganisearre.Yn it bigjin fan 1928 kaem yn de Earste Keamer de kwestje fan it Frysk ûnderwiis op it aljemint nei oanlieding fan in op foarstap fan it Bûtenboun en mei adheezje fan alle oare Selskippen oan it regear tastjûrd adres, dêr't it rjocht fan Frysk ûnderwiis op alle nivo's yn bipleite waerd en oanstien waerd op bineaming fan in steatskommisje dy't dêroer rapport útbringe moast. By it ôfdielingsûndersiik fan de bigreating fan ûnderwiis stiene de leden mr. J.J. Croles en L.W. de Vries oan op twa dingen: in Fryske learstoel yn Grins en plak foar Frysk ûnderwiis op 'e legere skoallen. Yn syn skriftlik antwurd forklearre minister Waszink dat foar in Fryske learstoel yn Grins gjin jild biskikber wie en dat Frysk ûnderwiis him earder in gefaer as in goed ding talike. Dit antwurd sinnige de twa leden net sa bot, en mr. Croles, jurist en bikend anti-revolusionair foarman yn Fryslân, sei dat yn de iepenbiere sitting moai dúdlik. Hy wie foar in Fryske learstoel en foar in ûndersiik lyk as de Fryske biweging dat frege hie. It wie doe minister-presidint De Geer sels dy't meidielde dat ‘wederbezetting van de leerstoel Friesch’ oan de Grinzer universiteit yn birie wie. Mr. Croles foun in helper yn F.L. Ossendorp, âld-foarsitter fan tt Boun fan Nederlânske Underwizers, dy't in ûndersiik lyk as frege wie tige bipleite en de minister-presidint der op yndachtich makke dat in Fryske learstoel yn Grins der noch net earder west hie. Minister Waszink wie net botte bigien op in ûndersiik fanwege it regear. Him tochte, de nije Underwysrie yn Fryslân moast dêr mar ris mei to set. Mar hy woe wolris it bitinken freegje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Dat fan dit regear net folle to forwachtsjen wie, die wol bliken by de bihanneling fan de folgjende bigreating yn de Twadde Keamer oan 'e ein fan 1928. In steatlike rige fan sprekkers út sahwat alle fraksjes die in goed wurd foar Frysk ûnderwiis; allinne de Grinslanner J.H. Schaper, sprekkend foar himsels, wie der op tsjin. Foarsitter J. Th. de Visser ornearre dat oan ‘de Friesche cultuur’ winlik tofolle tiid bistege wie. En minister Waszink, faeks al hwat bitommele, koe dochs meidiele dat de Fryske Deputearren ‘meenden de instelling van een regeeringscommissie te | |
[pagina 279]
| |
moeten ontraden omdat zij hun naast den Provincialen Onderwijsraad onnoodig en zelfs als minder gewenscht voorkomt’. It wie in pynlik biwiis fan bitizing en brek oan oerliz yn it heitelân. Dit kabinet-De Geer hat oer it Grinzer professoraet gjin bislút mear nommen. Der wiene yn 1929 forkiezingen en dy brochten it (tredde) kabinet-Ruys de Beerenbrouck oan it biwâld mei op Underwiis mr. J. Terpstra. Yn 'e hjerst fan dat jier arrivearre yn Den Haech in nij biwegingsadres dêr't yn frege waerd in Fryskkundige oplieding fan ûnderwizers yn Fryslân, in wetlik erkend plak foar it Frysk yn it learplan fan de legere skoallen en frijichheit foar de ûnderwizers om by les yn skiednis, tael en sjongen de Fryske tael to brûken. Dit adres sil der sines wol ta dien hawwe dat by it bigreatingsdebat in wike of hwat letter it Frysk ûnderwiis op 'en nij in punt fan bisprek waerd. Ut alle fraksjes kaem nou de rop om in Fryske learstoel yn Grins. It Frysk is in âlde rjochts- en kultuertael en ien fan de âldste talen fan Europa, sei ds. A. van der Heide (s.d.): H.W.A. Moller (r.k.) achte it mar healwiis dat wol Angelsaksysk en âld-Noarsk leard waerd oan de universiteiten en gjin Frysk; Hugo Visscher (a.r.) sei koart en goed dat mei de bineaming fan in professor yn it Frysk net langer wachte wurde mocht. Dat lêste wie ek wol it bitinken fan Jouke Bakker (c.h.); mar dizze Fries yn Den Haech (thús wied er lid fan de ried fan Menameradiel) spile sahwat de deselde rol as yn it forline sa mannich ta oansjen kommen Flaming yn Brussel: Fryske lessen yn 'e skoalûren wied er op tjsin, en der moast nedich hwat barre om to bihinderjen dat de idéen fan de Fryske biweging har ûntjoegen ta in nasionalistyske waentins. Nimmen gyng safier as hy. Moller wie wol tsjin it Frysk as fiertael op 'e skoallen, mar woe dochs hawwe de ûnderwizers soene it goed genôch kenne om der yn de lettere learjierren les yn jaen to kinnen. In debat as dit moat sjoen wurde yn it ramt fan in stadich trochbrekkend ynsjoch. Fûleinich wie it net en swierrichheden foar it regear hold it ek net yn. Dochs koe minister Terpstra net hielendal ta mei it antwurd, dat it bisprek oer in post op 'e bigreating foar de Grinzer learstoel noch oan 'e gong wie. Hwant somlike leden hiene ek noch wer by it regear oanstien op in deskundich rapport oer it Frysk ûnderwiis. Terpstra woe dêr likemin oan as syn foargonger Waszink. Ek nei syn bitinken moast de Fryske Underwysrie mar mei dit soarte dingen riede. It jier dêrop is Piter Sipma bineamd as lektor yn de Fryske tael oan de Grinzer universiteit. In lektoraet wie minder as frege wie, mar it wie dochs de earste Fryske universitaire learopdracht sûnt Buitenrust Hettema syn heal mislearre privaet-dosintskip yn Utert. De krityk dy't loskaem op it feit dat it net daliks in folslein professoraet wurden wie, hie fansels alle | |
[pagina 280]
| |
Print fan W. Hielkema yn Sljucht en Rjucht út 1930 doe't der foar Grins wol in Fryske lektor mar gjin professor ôf koe. *
eigenskip; it wie lykwols ek mar al to wier dat de fakulteit foar it finen fan in oer alle boegen kundige figuer net út de romte tarre kinnen hie. Winlik wie Sipma de iennichste: in foar in great part ‘selfmade’ man, sûnder akademyske eftergroun. It ta iensidichheit forfallen Frysk Genoatskip hie gjin yn eigen formidden en wurk opkweekte filologen oanbiede kinnen. Sipma syn bineaming bitsjutte dat de Fryske learstoel yn Grins himsels stadich foarmje koe. En der bistie yn Frysksinnige rounten yn en bûten Fryslân dochs foldwaning dat it alteast safier wie. As filolooch en as pedagooch hie Sipma in treflike namme. De tiid fan syn strideraesje mei Hof lei al wer fier tobek. De tiid en op 't lêst ek mienskiplik kursuswurk fan de Underwysrie hiene de beide mannen formoedsoene. By de kloft Friezen dy't op 4 oktober 1930 nei Grins reizge wiene om by Sipma syn yntré oanwêzich to wêzen, wie ek Jan Jelles Hof. Sipma spriek oer it Rudolfsboek, ien fan de âldste Westerlauwersk Fryske rjochtsboarnen. Der hat noch in feestjoun fan west in wike of fjouwer nei de ynauguraesje fan Sipma yn ‘Amicitia’ to Ljouwert. Earst in lektoraet; dan in professoraet, der wie gjinien dy't dêr mear oan twivele. It earste doel wie | |
[pagina 281]
| |
Programma fan de feestlike joun nei Sipma syn bineaming as lektor.
nou lykwols it winnen fan de mooglikheit Frysk to ûnderrjochtsjen op de legere skoallen yn de gewoane ûren. Oan deselde universiteit dêr't Sipma oan bineamd wie, kaem Douwe Kalma yn 1931 ré mei syn stúdzje Ingelsk. Letter dat jier krige hy in bineaming by it middelber ûnderwiis yn Eindhoven. Sa waerd hy in bûtenfries, neidat hy syn Frysk liederskip yn in rige fan jierren stadichoan ôfbroazeljen sjoen hie. De Jongfryske Mienskip (dy't sûnt 1927 Mienskip for Fryske Folksûntjowing hjitte) wie nei de earste greate jierren oanienwei efterút buorke. Kalma syn bisykjen om yn it Selskip-1844 nei foaren to kommen wie ynearsten mislearre. It wie him ek net slagge in politike rol (nêst Fedde Schurer yn de CDU) to spyljen. Wy hawwe him sjoen as lid fan de Fryske Rie nêst dr. Muuss en dr. Siebs; in orgaen sûnder opdracht en sûnder takomst. Hy hat fierder noch bisocht om mei Jan Melles van der Goot to kommen ta oprjochting fan in ‘Fryske Parse’, mar dat waerd ek suver neat. Syn stimme hie har macht forlern. Yn it komplisearre wêzen fan Douwe Kalma wie de driuw nei it liederskip in oerhearskjende faktor. Neat koe hy minder forneare as it stean op in plak dêr't er net nûmer ien wie. Hy bleau foarsitter fan de AFUK. | |
[pagina 282]
| |
Hof jowt der in aerdige biskriuwing fan. ‘As er nei de foarsittersstoel gyng, wie 't krekt as kaem domeny yn tsjerke. En hij siet net, mar hij setele, ja, wij bilibben einlik iderkearen in soarte fan troanbikliuwen’Ga naar eind193.. Hy bleau ek foarsitter (en sensor) fan de Fryske Bibleteek en samler fan ‘Frisia’. It wiene funksjes dêr't er net foar yn Fryslân hoegde to wenjen. Nei alle gedachten wied er net nei Eindhoven fortein as er noch as in profeet foaroan stien hie yn de Fryske biweging. Dat plak wie him lykwols ûntkeard; en syn forfarren hat grif ek in boadskip west oan alle ûntrouwen dat, as hja mienden him net mear brek to wêzen, hja it sels dan mar ûnderfine moasten. Mar hwat foarby wie kaem net werom. Kening Douwe soe it neitiid op pynlike wize merkbite. Douwe Kalma gyng, Folkertsma bleau. Hja binne faek forgelike: twa Jongfriezen dy't mekoarren dochs sa fier ûntrounen. It is grif wier dat Kalma yn alles hwat hy bistribbe foar himsels in sintrael plak reservearre hie. Kalma woe hearskje. Woe Folkertsma allinne mar tsjinje? Fan him kin sein wurde dat hy himsels net socht; mar foargean woed er ek foargoed en heechmoed wie him net frjemd. Net mei ûnrjocht neamt Jan Piebenga him ‘aristokratysk yndividualist’Ga naar eind194., al is dy hâlding nei forrin fan tiid wol hwat útsliten. Folkertsma hie humor; in jefte dy't Kalma fierhinne ûntholden wie. Mar as hy útblonk boppe Kalma, dan wie dat binammen troch karakter. Kalma wie in opportunist dy't rûch omsprong mei mieningen en de wurdearring foar striidmaten; op Folkertsma koe men bouwe as op in hûs. As feitlik lieder fan it Kristlik Selskip sûnt de tweintiger jierren hat hy dit weihelle út it bistjurre skema fan tsjerke, partij en skoalle en hat hy, yn in rommer geast as dy fan Huismans, dochs fuortboud op dy syn grounslaggen. Ien fan de earste doelen fan it Kristlik Selskip wie it oersetten fan de bibel yn it Frysk. Mar dêr wie einliks in rige fan taelkundige en theologyske deskundigen foar nedich, dy't it Selskip net ta syn foldwaen hie. It hie dan ek by brek oan better west dat yn ‘Yn ús Eigen Tael’ de oersettingen fan de Evangeeljes fan De Clercq en Postma opnommen wiene; publikaesjes dêr't, lyk as meidield is, mei fikse rûzje in ein oan komme wie. Folkertsma hat letter skreaunGa naar eind195. dat it Frysk fan dizze oersettingen gjin libbene tael wie, mar ynspirearre op Gysbert Japiks, Harmen Sytstra en it Hollânsk fan de Steatebibel. Neitiid soene Wumkes en Huismans mei it krewei to set; Huismans hat it lykwols al oerjown yn 1921, doe't er him syn moed en syn krêften ûntsinken fielde. Wumkes hat doe fierder hwat help hawn fan A. de Vries, direkteur fan de Snitser lêsseal; en der is ek in hûndert of hwat goune subsydzje kommen fan it Bibelgenoatskip. De resultaten foelen ôf. Folkertsma bisaude him doe't er Wumkes' earste | |
[pagina 283]
| |
proeven ûnder eagen krige. ‘Wumkes' bibeloersetting moat perfoarst it ljocht net sjen’, skreau er op 16 juny 1924 oan Fedde Schurer; ‘it sil in ramp for de Fryske biweging wêze’.Ga naar eind196.Ek Jan Hof syn miening waerd frege, en dy foel allikemin gunstich útGa naar eind197.. It gyng hjir allinne noch mar om it Nije Testamint. Der wiene minsken (ûnder dyen prof. Greydanus út Kampen) dy't dochs ta útjefte retten; en it Bibelgenoatskip hie der winlik al ta bisletten. It hat Wumkes sels west dy't it opkearde; hy wie ek net tofreden en is op 'en nij bigoun. Prof. Greydanus hat him holpen en Folkertsma wie korrektor; in funksje dy't yn wêzen bitsjutte dat hy einredakteur wie. Yn 'e hjerst fan 1931 wie Wumkes ré, mar Folkertsma noch lang net. Sa hat it noch oardel jier duorje moatten ear't Jongbloed yn Ljouwert, bibel-printer by útstek, mei it wurk to set koe. En op de Pinkstergearkomste fan it Kristlik Selskip op 5 juny 1933, dêr't it 25-jierrich bistean yn bitocht waerd, wie ek it earste eksemplaer to bisjen fan it folsleine Nije Testamint yn it Frysk. Dêr binne sa neigeraden tsientûzen stiks fan ûnder de minsken kommen. It dreechste wurk, de oersetting fan it Alde Testamint yn it Frysk, moast noch dien wurde. Dêr hie doe al oerliz oer west, tusken Wumkes en it haedbistjûr fan it Kristlik Selskip en tusken Wumkes en Folkertsma. Wumkes woe hawwe Folkertsma soe Hebrieusk leare, ‘den hawwe wy in Hebraïcus en Frisicus yo ien persoan’Ga naar eind198.. It wie ek syn bidoeling om de oersetting dan fierder mar oan Folkertsma oer to litten. Mar dêr is neat fan kommen. It slagge Wumkes net mear fan Folkertsma in feardich Hebraïkus to meitsjen; en de beide mannen binne doe yn oerliz mei it haedbistjûr mar oerienkommen dat Wumkes stean soe foar de oersetting út it Hebrieusk en Folkertsma der goed Frysk fan meitsje soe. Oer de bibeloersetting, dy't nou moai op gong kaem, sil letter mear sein wurde. It wie in stil krewei yn tiden dy't langer net sa stil mear wiene. De greate ekonomyske krisis wie losbrutsen; ien dy't to forgelykjen wie mei dy fan in foech heale ieu earder. Mar de ûnrêst dy't der út fuortkaem, biheinde har net ta de arbeiders. Wol ûnderfounen dy it earst en it meast de gefolgen. Hwant de pleagen fan wurkleazens en earmoed gyngen wer oer it lân op in wize as feitlik net mear mooglik achte wie. De krityk lykwols kaem út folle wider rounten en rjochte har foar in part op it polityk stelsel: sjoch de hearen regearders en folksfortsjinwurdigers nou ris machtleas ompielen! Yn Italië wie nammers it faksisme al sûnt 1922 oan de macht. En bisikers hjirwei fan it Greatfrysk kongres to Husum mei de earen en eagen in bytsje iepen hiene, lyk as al oantsjutten is, ek yn it Dútsklân fan 1930 tekens fornimme kinnen fan in ûntrêstigjende driuw nei in autokratysker biwâld. | |
[pagina 284]
| |
Swartboekje fan de yn 'e hjerst fan 1931 oprjochte Swarte Heap, dy't in ‘radikael Frysk nasjonalisme’ propagearre: ‘... wy (keare) ús tsjin it eigen folts, det himsels lytsachtet; det to lef en to loai is om de wei fen frijdom en selsstânnigens to gean ...’. *
Yn Nederlân mei syn âlde demokrasy wankte daliks soksoarte gefaer net. Mar roerigens wie der genôch en bitizing net to min. It stie wol fêst dat de earbied foar de bisteande oarder der net greater op wurden wie. Binammen de yntellektuele en heal-yntellektuele jongere generaesje skodde eardere dimmenens ôf en wie net mear sa ré de dingen mar inkeld en allinne oer to litten oan de iepenbiere organen en hegere en legere bistjûrders. Der bistie gjin streekrjocht forbân tusken de krisis en it feit dat Fryske studinten, dy't yn 1932 nei Ljouwert kommen wiene foar it Krystkongres fan har federaesje, op 23 desimber yn hwat tsjok waer rekken mei de polysje. Mar it hong wol gear mei de algemiene ûnnoflikens, dy't yn Fryslân ek de taelstriid skerper aksinten joech. Wie it in optocht of in ‘kuijerke’ dêr't de polysje mei to krijen krige? Yn elts gefal waerd der in flagge yn meidroegen en yn elts gefal wie der gjin permisje foar frege. In man of fjouwer kamen op 'e bon, Haring Tjittes Piebenga, de greatste opperteur, moast mei nei it buroGa naar eind199.. Dat hat it bigjin west fan in botsing mei it rjocht dêr't it minder gyng om hwat misdien wie of net misdien as om de fraech oft de Fryske tael yn | |
[pagina 285]
| |
de rjochtsseale har plak ynskikt krije koe. It hiele gefal hie in hwat emosionele lading krige meidat de Ljouwerters yn de iere moarn fan deselde 23e desimber it stânbyld fan Willem Loadewyk op it Gouverneursplein (yn de folksmûle Us Heit) bihongen foun hiene mei in doek, foarsjoen fan de tekst: ‘O ivige skande det Karel Roorda hjir net stiet’. Der kaem daliks frijhwat opskuor út fuort om't party minsken nea fan Karel Roorda heard hiene, mar namsto mear fan it redenrike kommunistyske Steatelid Gerrit Roorda. En al hawwe de kranten alle misbigryp dêroer gau opromme, de drokte wie dochs makke en der bleau fan oer dat de dieders winlik de neitins fan in Nassau bikladde hiene mei demonstratyf partij to kiezen foar de greate tsjinstanner fan dy syn Uny-polityk sa'n foech fjirdel ieu lyn. Hwa wiene de dieders? Studinten, waerd algemien sein; en der waerd fierder forbân socht mei de oprjochting yn oktober 1932 fan in foriening ‘De Swarte Heap’, dy't uteringen fan Hollânsk ymperialisme yn Fryslân bistride woeGa naar eind200.. Haring Tjittes Piebenga wie dêr de foarman fan en moai algemien waerd achte dat oan dy klub hwat in faksistysk luchtsje siet. Dat Haring Tjittes yn de aksje mei dat Karel Roorda-doek de hân hawn hat, stiet wol fêst; nijsgjirrich lykwols is to hearren dat ek syn broer Jan Piebenga der mei anneks west hatGa naar eind201.. Dy wie ûnderwizer en gjin studint. By de rjochtssaken (it waerden mear as ien, lyk as letter blike sil) hat juridysk it âlde punt fan de ien- en ûndielberheit wer op 'e eftergroun stien. Ien tael yn Nederlân; in oare koe net achte wurde to bistean. De fjouwer studinten dy't bitige wiene meidien to hawwen oan in net tastiene optocht kamen op 16 febrewaris foar de Ljouwerter kantonrjochter mr. J.W. Tysma to stean. Under harren wiene Haring Tjittes Piebenga en J.B. Vries. Tysma wie ien fan de oprjochters fan it Kristlik Selskip, mar dat wie al sa lang lyn. Yn syn rjochtssealtsje oan it Droevendal woe hy allinne mar ‘Nederlands’ hearre. Mr. J. van der Schaaf pleite foar de studinten en foar it Frysk. Bitûft man as Tysma wie, paste hy danich op dat de saek him net út de hân roun. Fiif goune boete foar trije fan 'e mannen en fyftjin goune foar de studint Homme van Zwol, dy't syn flagge net réwillich ôfstien hie. Tysma hat letter sein dat er tsjin ris hwat Frysk yn 'e rjochtsseal hielendal gjin biswier hie, mar dat er it demonstratyf brûken fan it Frysk net tastean koe. Yn elts gefal hat hy it handiger oanlein as de Ljouwerter polysjerjochter mr. Meihuizen in moanne of fjouwer letter. Meihuizen hat winlik in demonstraesje útlokke. It gyng om in hiel oare saek: Haring Tjittes Piebenga soe in polysjeman misledige hawwe. It wie bard yn de nacht fan 13 op 14 april to Ljouwert, doe't Piebenga wer op it buro bi | |
[pagina 286]
| |
darre wie, neidat in ploechje studinten trappearre wie mei in kalkamer en in witerskwast, wylst fuortby op 'e strjitte it biedwurd Fryslân Oerein en it jûlred, in Germaensk symboal, skildere wiene. De studinten wiene net op 'e bon kommen, mar de polysjemannen hiene de kalkamer en de witerskwast meinommen en dy woe Haring Tjittes werom hawwe. Op it buro hied er it doe bidoarn mei tsjin in oare polysjeman, dy't er noch fan it desimber-trelit koe, to sizzen dat dy in falske ied ôflein hie. Nou wie it hielendal gjin kwestje fan in ied; hwat Haring Tjittes bidoelde wie de neffens him ûnkrekte forklearring fan de man oer de fraech fan optocht of gjin optocht. Feitlik hie it neat om 'e hakken, mar op it Ljouwerter polysjeburo wiene it gjin supporters fan studinte-aksjes, en mislediging is mislediging. Neffens de kranteforslaggen spile it stik op 10 juny foar mr. Meihuizen sa likernôch op de folgjende wize, nei Piebenga syn antwurd op de earste fraech. Mr. M.: Welke taal spreekt u daar? P.: Ik praet Frysk. Mr. M.: U moet hier Nederlands spreken of anders zwijgen. P.: Mar ik haw it lêste wurd. Mr. M.: (tjsin de parketwacht): Majoor, verwijder verdachte uit de zaal. De majoar die hwat him sein wie. Under it roppen fan ‘Fryslân oerein!’ gyng Haring Tjittes ôf; mar net neidat mr. Meihuizen alhiel oerémis de majoar noch op 'e drompel hjitten hie de fortochte ‘in verzekerde bewaring’ to stellen, sa lang't de saek duorre. Neitiid waerden ek noch de tsjûgen à décharge Tsj. A. Bergstra en J.B. Vries, dy't perfoarst Frysk sprekke woene, troch de parketwacht op 'e gong set. Piebenga krige in boete, mar dat wie in ding fan gjin bilang. Hwat dizze saek syn bitsjutting joech wie it bijegenjen fan it Frysk troch de rjochter as in fijannige tael. Mr. Meihuizen hat it Frysk praten fan lju dy't ek wol Hollânsk koene, opfette as in grouwélige provokaesje. Syn hiele hâlding wie dy fan in man dy't fan in njirre biten wie. Der is oer dit gefal hiel hwat to dwaen west. Hindrik van Houten, ûndertusken Keamerlid wurden foar de CDU, hat der fragen oer steld oan de minister fan Justysje, mr. van Schaick. Mar dy stie alhielendal oan 'e kant fan mr. Meihuizen. En doe't letter it Keamerlid ds. A. van der Heide it opnimmen fan alteast ien Fryskkundige rjochter yn de Ljouwerter rjochtbank bipleite, wiisde de minister dat ôf om't nei syn bitinken dat ‘separatisme, provincialisme en districtisme’ bifoarderje soe. Wol wie it neffens him âld en goed gebrûk dat de rjochter minsken dy't der muoite mei hiene har goed yn it Nederlânsk to uterjen yn it taelgebrûk yn 'e mjitte kaem. | |
[pagina 287]
| |
Hwat de Hollânske parse oer dit gefal skreau tsjûge almeast fan net folle bigryp. Der wiene wol nuânses, mar foar it greatste part wie de strekking: ien keningin, ien steat, ien tael. Hwa't dêrfan ôfwykte moast sa heal en heal jilde as in rebel. En lilk bidoarn (winlik ek by de minister) hie de kantonrjochter mr. Doede Jelles Cuipers to Harns it, dy't yn in moaije ‘biskikking’ op in forsiik fan inkelde Fryske foarmannen goedkard hie dat yn de wachtkeamer fan it kantongerjocht de spreuk: ‘Al hwa't wend is Frysk to sprekken, hoecht him hjir net to forbrekken’, ophongen waerd. Dochs hat dat de aerdichste en minsklikste died west yn alle oerstjûrens. Der moat gewach fan makke wurde dat, by alle ôfkarring fan mr. Meihuizen syn hâlden en dragen, by guon biwegingslju ek wol hwat ûnnoflikens wie oer Piebenga syn wize fan dwaen: hwat to rimpen en tsjûgjend fan to min oerliz en humor. Hy wie op 't lêst de man fan de hwat faksistysk achte Swarte Heap. In oan de minister stjûrd ‘Tsjûgenis’ hie wol de hantekeningen fan in tal Fryske foarmannen, mar kaem net fan de biweging sels. Haring Tjittes hat mei help fan mr. J. van der Schaaf syn saek noch foar it Hof yn Ljouwert brocht en dat hat alteast bisocht juridysk út to lizzen hwerom't it brûken fan Frysk yn de rjochtsseale as net tastien jilde moast. It wie in konstruksje op groun fan artikel 306 fan it Wetboek fan Straffoardering, dat útgean soe fan ien rjochtlike tael foar hiele Nederlân. Dochs hold it fonnis noch wol in korreksje yn foar mr. Meihuizen: dy hie net bihinderje mocht dat yn it Frysk fragen oan de tsjûgen à décharge dien waerden. Dêrom waerd syn fonnis forneatige, mar it nije fonnis kaem dochs wakker op itselde del. In pear dingen meije der noch wol fan sein wurde. It is sa dúdlik as hwat dat de forwoedenens fan mr. Meihuizen op gjin inkelde wize hwat út to stean hie mei de hwat dizenige tekst fan it neamde art. 306 of hokfoar oar artikel ek. Mr. Meihuizen hie him oantaest field yn syn hege steat troch in tael dy't winliken achte waerd to hearren by in mindere stân. En tsjin it fonnis fan it Hof kin ynbrocht wurde, dat it rêstte op it misbigryp dat der mar ien Nederlânske tael bistiet. It Westerlauwersk Frysk is lykwols ek foargoed in Nederlânske tael. Sa't de dingen har ûntjoegen wie it fansels op 'en dûr ûnwêzenlik en ûnhâldber der fan út to gean dat it Frysk achte wurde moast der net to wêzen. Yn elts gefal hold it arrest fan it Hof alle eleminten yn foar lettere konfliktenGa naar eind202.. De Fryske biweging en it faksisme: it liket in nijsgjirrich ûnderwerp; en dochs hoecht der net wiidweidich oer skreaun to wurden. It gappe mear as it biet. It hat yn 1933 even hwat like. De al neamde Swarte Heap hie ek sahwat in program: de politike opbou fan de Germaenske steaten moast | |
[pagina 288]
| |
‘organysk’ wêze; it Fryske folk hie as eigen Germaensk folk rjocht op in autonome ûntjowing; it histoarysk forbân mei de oare Germaenske folken moast yn it each holden wurde. Hwa't nei de datums sjocht (de Swarte Heap is oprjochte yn 'e hjerst fan 1932) hat gjin muoite om to bigripen dat hwat forbân socht waerd tusken dit klubke en de studintereltsjes yn Ljouwert. Fan de Swarte Heap is neitiid net folle mear fornommen. Hwat mear bitsjutting komt faeks it Frysk Faksistefront ta, oprjochte op 30 maeije 1933; net om't it sa aktyf wie, mar om't it sjoen wurde kin as it bigjin fan in mear duorjende ûntjowing. Fan de trije man dy't it earste manifest ûndertekene hiene: R.P. Sybesma, J.J. van Weringh en J.M. van der Goot hawwe alteast de earst- en de lêstneamde har fierdersoan mear en mear yn nasionael-sosialistyske rjochting ûntjown. Dochs hat Van Weringh de foarstap nommen ta it tastânkommen fan dit ‘front’. Hy hie yn Delft studearre, mar wie letter yn Grins oergien op 'e theology. It studinte-almenak neamt him as stypjend lid fan de studinte-federaesje en it skynt wol sa to wêzen dat hy út it Grinzer studinteselskip Bernlef hwat help hawn hat. Yn elts gefal binne Sybesma en Van der Goot nei Grins ta kommen op Van Weringh syn útnoeging. It dêr opstelde manifest forsmiet it ‘tsjintwirdich polityk systeem dat stridich is mei it wiere folksbilang en in soun, ienriedich en sterk nasjonael libben yn 'e wei stiet’; en it sei ‘it folksgefaerlik Marxisme, it folksûntbinend liberalisme en it folksfijannich greatkapitael’ de striid oan. Aerdiger faeks noch as dit program is it, Van Weringh sels forklearjen to hearren dat it folk primityf is en op primitive wize oertsjûge wurde moat. ‘En dy't ús dêryn doare to bihinderjen, dêr moat yn it iepenbier de swipe oer’Ga naar eind203.. Organisatoarysk sil it faksisme (of nasionael-sosialisme) yn de Fryske biweging pas hwat dúdliker foarm krije mei de oprjochting fan de Fryske Folkspartij yn 1938. Hwa't eat fan de opfettingen fan de foarmannen to witten komme wol, kin to riede gean by hwat skriften fan Van der Goot en Sybesma, printwurk dat net folle ynfloed hawn hat. O. Vries, yn syn krekt oanhelle stúdzje, hat it oer it ‘bier-flamingantisme’ by de Fryske studinten to Wageningen mei minsken as J.B. van der Meulen en H. van der Molen. Binammen Van der Meulen syn smeulske skriuwerij oer it slop, ethysk, demokratysk en sosialistysk gedoch yn FryslânGa naar eind204. fortoande proto-faksistyske tendinzen. Nammers krigen fan him teffens de ûnthâlders it to foruorjen; der hat grif ek ynfloed fan Erich Wichman west. Nei Fryslân is der suver neat fan oerwaeid. Van der Meulen (nei de oarloch siktaris fan de Friese Maatschappij van Landbouw) hat yn 1940 dúdlik tsjin it nasionael-sosialisme keazen. | |
[pagina 289]
| |
De Fryske Studintefederaesje, dêr't wolris hwat frjemde idéen yn libben, mei net forkeard bioardiele wurde. Neffens O. Vries hat it binammen de Federaesje-ôffurdige R. Bylsma west dy't yn 1932 yn Rostock tofoaren kommen hat dat dêr in (dúdlik nasionael-sosialistysk oriëntearre) Europeeske Studintefederaesje oprjochte waerd. Bylsma frege: Hwer binne de Ingelsken? En oaren fregen it doe ek. Bylsma en syn maet J.P. Winsemius wiene tofoaren wekker wurden doe't hja, nei yn Bremen bigroete to wêzen troch de (Dútske) studint Heino Altona, fan dizze streekrjocht brocht waerden yn in gearkomste dêr't Adolf Hitler spriek. It effekt hat oars west as Altona it nei alle gedachten bidoeld hie. Yn de Mienskip for Fryske Folksûntjowing diene har yn deselde snuorje wichtige foroaringen foar. Stadichoan wie der in greate tsjinstelling kommen tusken J.M. van der Goot en Douwe Kalma. De Mienskip hie yn dy tiid in eigen rubryk ta har foldwaen yn ‘It Heitelân’; en hwa't dêryn hjoed de dei de striidskriuwerij fan dizze beide mannen neilêst, sil ta syn binijing fornimme dat de doe al nei it nasionael-sosialisme oerhingjende Van der Goot in forneatigjend oardiel joech oer de autokratyske lieding fan Kalma. Kalma wie gjin Hitler neffens Van der Goot; hied er dat west, dan hie him sûnder mis de lieding as in soarte natuerlik rjocht takommen. Mar Kalma, sei Van der Goot, koe net liede. It iene program nei it oare, persoanlik skeel en reboelje sûnder ein, gjin earmslach foar minsken dy't it net mei him iens wiene; it wie foar de Mienskip driuwend needsaeklik dat dêr in ein oan kaem en it moast dan dochs mar ris mei de demokrasy bisocht wurde. Kalma hat antwurde, mar de hiele diskusje spile him ôf doe't er al gjin bistjûrslid mear wie. Hoe't de dingen yntern krekt gien binne wurdt men út de forslaggen yn ‘It Heitelân’ net wiis. Fêst stiet dat yn de Mienskiplângeanne fan 4 septimber 1932 Van der Goot in moasje yntsjinne hat, dêr't it ôfgean fan Kalma yn frege waerd. Oft dy moasje ek oannommen is wurdt net meidield; mar wol blykt it yn maert 1933 safier to wêzen dat Kalma net mear yn it bistjûr sit. W. Th. Zwart is nei lange jierren wer ris foarsitter, Sjoukje Bierma skriuwster, ir. H. de Groot skathâlder en Douwe Kiestra samler foar de rubryk yn ‘It Heitelân’. Yn de rin fan itselde jier hat de Mienskip harsels ûntdien fan alle ûnderôfdielingen dy't of allinne noch mar op papier bistiene, of allinne mar jild kosten, sûnder noch hwat to bitsjutten. It ymposante foarkommen fan de Mienskip wie net mear as in kaertehûs. Fan alle kriten wiene op dat stuit mar twa oerbleaun: Ljouwert en De Knipe. Bihâlden waerd allinne it ûnderdiel Folkshegeskoalle, dat ôfdieling Folksûntjowing kaem to hjitten. De lange namme Mienskip for Fryske Folksûntjowing forfoel; it waerd | |
[pagina 290]
| |
gewoan de Fryske Mienskip. Bisletten waerd ek it Mienskipshûs net langer oan to hâlden, alteast net inkeld en allinne fanwege de Mienskip. It is neitiid ûnder bistjûr kommen fan in breder gearstalde stifling. Yn it jier dêrop is it Mienskipsbistjûr noch wer foar in part fornijd. J.J. van Weringh waerd foarsitter en S.J. van der Molen samler. De Mienskip hie in wûnderlik forskaet fan leden, stik foar stik yn 't generael wol striidberder as it wenstige Selskipslid, mar net forboun troch in maetskippijskôging dy't har hwat ymmún makke foar ûndemokratyske of anti-demokratyske propaganda. De takomst soe leare hwatfoar gefaren dat ynhie. |
|