Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 263]
| |
Yn politike banenFrysk idealisme: drankbistriding, steatspensionearring, pachtherfoarming - Jeugdbiweging en Fryske striid - Studinten opponearje har - ‘Friesch Dagblad’ yn tsjokwaer mei it Kristlik Selskip - Fedde Schurer de kweadwaner - Alde garde yn Selskip-1844 stapt op - In Grifformeard Selskip en in Sosiael -Demokratysk Frysk Forbân - It Greatfrysk kongres fan Husum.Sûnt de jierren fan de earste wrâldoarloch hat de oertsjûging dat de Fryske biweging it foar har doelen foar it meastepart fan de oerheden hawwe moat, har krêftich trochset en linkendewei dúdlik de oerhân krige op de tsjinnichheit, binammen yn it Selskip-1844, foar in mear politike koerts oer. It byld fan de politike forhâldingen hie him foroare. Oan de lofterkant stie de SDAP, moai machtich wurden nou; rjochts stie de kristlike koalysje, ARP, CHU en RKS. Dêr tuskenyn wiene de liberalen fan de âlde styl forskronfele ta in lytse keppel, mar joech de radikaler rjochting fan de frijsinnich-demokraten (VDB) blyk fan in opmerklike libbenskrêft. Under de kiezers woech konfessioneel en net-konfessioneel sa likernôch tsjin mekoarren op; yn de Steaten sloech konfessioneel almeast swakjes foar master op. De SDAP yn Fryslân hie âld en nij sosialisme yn 'e rin fan de jierren fierhinne yn har foriene, al libbe de frije rjochting hjir en dêr taei fierder: in stikje erfskip fan de âlde Folkspartij. Dat erfskip wie lykwols ek op oare wize noch foargoed to fornimmen. It Frysk sosialisme wie yn mannich stik fan in eigen soarte bleaun: humanitair, fuortkommen mear út it fielen fan de minsken as út marxistyske of oare skerp omskreaune learstikken. Typyske punten út Oebele Stellingwerf syn program (sj. s. 126) hiene west: de groun oan allegearre en de drank oan gjinien. Oer de groun sil fierderop mear sein wurde; hwat de drank oangiet hat it yn dizze ieu yn Fryslân lange jierren sa west dat in sosialist dy't net tagelyk ek ûnthâlder wie yn eigen rounte amper as skjin op 'e lever gou. Nou ûntbriek it ek ûnder de rjochtsinnigen net oan ûnthâlders, mar by dy stie de striid tsjin de drank los fan de politike oertsjûging, lyk as dat bûten Fryslân ek by de sosialisten it gefal wie. Fryslân en de ûnthâlding is in aparte stúdzje wurdich. Jierren efter mekoarren hat it sa west dat in foege helte fan alle leden fan de ‘blauwe N.V.’Ga naar eind180. yn Fryslân wenne. De jongerein út dizze rounten hie syn eigen | |
[pagina 264]
| |
De Needklok, de yn 1930 forskynde novelle fan E.S. Wesbonk, dêr't it lijen fan de hierdeboer yn biskreaun wurdt. Wesbonk wie In grifformearde boer dy't foaroan stie yn it Boun fan Lânpachters. *
foriening: de ‘Jeugdbond voor Onthouding’, mei ek yn forhâlding fierwei de measte ôfdielingen yn Fryslân. Radikalens siet der net folle yn en dat is de JVO faek forwiten, binammen fan de kant fan ‘J(ongelieden) G(eheel) O(nthouders) B(ond)’ en de ‘A(rbeiders) J(eugd) C(entrale)’, dy't folle wiidfiemender programs hiene, mar allinne mar op in tal greate plakken yn Fryslân ôfdielingen hiene. In wichtich plak yn Fryslân hat tusken de oarloggen de ‘F(riese) P(ropaganda) C(ommissie)’ út de blauwe NV ynnommen, de ynstelling dy't hjir de saneamde ‘blauwe wiken’ op tou sette en op forskate oare wizen de gong der by de ûnthâlders ynhold; ek troch it útjaen fan Fryske boekjes (de Blauwe Rige) dêr't it net iens altyd yn hoegde to gean oer de striid tsjin de drank. De blauwe meeting op Himelfeartsdei yn Ljouwert wie in fêst hichtepunt yn de ûnthâlderspropaganda mei yn 'e optocht oan 'e ein in great en nijsgjirrich forskaet fan forieningsfindels. Yn it reade en blauwe gehiel hearden winlik ek noch de domenys fan de Blijde Wereld-rounte thús, dêr't nammers fierwei de measten fan yn Fryslân stiene. | |
[pagina 265]
| |
Der moat ek gewach makke wurde fan it yn forhâlding great tal leden en ôfdielingen yn Fryslân fan de ‘Bond voor Staatspensioneering’, in ding dêr't de âlde Van Zinderen Bakker sa optein oer roppen hie op it kongres fan Dimter yn 1917 (sj.s. 213). Ek hjiryn wie it fielen wer in machtige faktor; âld en earm hearde ta de misstannen dêr't de Folkspartij har al tsjin kearde. Nijsgjirriger lykwols wie de aksje dy't yn it bigjin fan de tweintiger jierren op gong kaem tsjin de pachtforhâldingen yn Fryslân. Hoe tige de Fryske groun hearegroun wie hie de Folkspartij yn de eardere ieu foargoed witte litten; en der is al meidield dat sels Frysk ‘Patrimonium’ net wearzich wie fan in op biskate wize yngripen yn de grouneigendom. Fryslân wie it lân fan de hierde boeren; en it wiene hierde boeren en túnkers dy't yn 1922 to Seisbierrum in eigen foriening stiften mei it doel, har rjochtsposysje to bistevigjen. De ‘Bond van Landpachters en Hypotheekboeren’ hat sa neigeraden leden krige út hiele Nederlân wei; mar it wie as by de ûnthâlders: de kearn siet yn Fryslân. De kearn hie binammen yn it bigjin in krêftich grifformeard elemint. Skepper en skriuwer waerd Hindrik van Houten, dy't ek yn it Kristlik Selskip siet en noch in skoftsje haedman west hat fan de Upstalbeam. As propagandist wie Van Houten fan it echte Fryske type, brûzje as er die fan sentimint. Lykwols hie syn kalvinistysk komôf him ek fiks bisleur meijown oer de praktyske kant fan de dingen. Hy wie ien fan dejingen yn de grifformearde rounte dy't forskil learden to meitsjen tusken eigendom op himsels, dy't men yn wêzen litte moast, en it biskikken oer eigendom dy't net ûnoantaestber wie. It hat mr. P.S. Gerbrandy, doedestiids lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân, west dy't ûnder dizze opfetting mei syn boek ‘De Strijd voor nieuwe Maatschappijvormen’ in moai hecht founemint lei. Dat wie yn 1927, doe't de greate krisis noch net útbruitsen wie, mar dochs yn de lânbou syn skaden al foarút bigoun to smiten. Mei de opfetting fan Van Houten en syn maten dat de hearegroun earst in rjochtfeardich bistean hearde to jaen oan boer en arbeider en dat pas dêrnei de eigener oan bar kaem wie ek, alteast foar in part, in oplossing oantsjutten foar it grounfraechstik dêr't de Folkspartij winlik nea rjocht útkommen wie. It stânpunt hie foar Nederlânske forhâldingen hwat revolusionairs, en mr. Gerbrandy, ek doe al hwat in frije fûgel, hie syn boek perfoarst net skreaun út namme fan de AR-partij; de partij dêr't op dat stuit ek Hindrik van Houten noch ta bihearde. Sibskip wie der folle earder mei it Kristlik Selskip en de yn 1928 oprjochte ‘Christelijke Democratische Unie’, dêr't Fedde Schurer, Inne de Jong en Eeltsje Folkertsma yn sieten. Folkertsma, dy't op in wûnderlike | |
[pagina 266]
| |
Listen foar de Keamerforkiezingen fan 1929 yn it kiesdistrikt Ljouwert: Fedde Schurer en Douwe Kalma steane boppenoan op de CDU-list. Keazen woerden hja net en Kalma syn politike karrière wie dêrmei ôfroun noch ear't dy bigoun wie. *
wize radikalens en konservatisme yn him foriene, hearde yn dy pasifistyske en fierhinne sosialistyske partij feitlik net thús; en dat gou ek foar Douwe Kalma dy't him der al moai gau by oansletten hie. It nijsgjirrige yn de nije partij is lykwols it ynearsten oerhearskjend Frysk elemint mei alles hwat dêrby oan ideologyske ynhâld hearde. Binammen Hindrik van Houten hat, út de ARP wei en yn 1932 op it hichtepunt fan de krisis by de CDU kommen, mei syn reputaesje as man fan de lytse boeren en syn propagandistyske talinten dy partij in biskate politike bitsjutting jown. Mar ek Fedde Schurer syn oanpart wie net lyts. Van Houten wenne doe yn Grins, Schurer yn Amsterdam. It biwiist allegearre hok in krêftich sosiael-humanitair roppingsbisef noch libbe yn Fryslân yn de tweintiger en tritiger jierren fan dizze ieu. Om it oars to sizzen: der wie in stikje Fryske biweging bleaun bûten de taelstriid om, al ûntbriek it net oan forbiningsskeakels. By de grounkwestje binne dy al neamd; by de drankbistriding bistiene se ek. Nammen as Menno Braaksma, Ibeltsje Kaastra-Bakker, Sjouke de Zee en Y.C. Schuitmaker litte der gjin twivel oan. It wie lykwols de idealistyske jeugd dêr't de taelbiweging har nij elan út krije moast. | |
[pagina 267]
| |
Der bistie in bân tusken de Jongfryske Mienskip en de ûnthâlders; dit programma fan in Mantgumer ûnthâldersjoun mei in stik fan Douwe Kalma en in rede fan J.P. Wiersma tsjûget dêr fan. *
It jeugdbiwegingsaspekt fan de Jongfryske Mienskip is al earder hwat fan sein. Learlingen fan Sipma yn dy syn Snitser tiid, dy't letter foar in part studinten waerden, wiene de keam fan de Mienskip yn har bigjintiid. Mar ek de ûnthâldersjongerein levere in oanpart. By hwat him om Eeltsje Folkertsma sammele oan ûnderwizers en oaren wie in moai stik fan de foarming ôfkomstich út de grifformearde jongfeinteforieningen. Dit diel fan de jeugdbiweging is yn de literatuer hwat oer de holle sjoen; mei ûnrjocht, hwant hwat dy forieningen har leden meijown hawwe oan ynsjoch, kennis en sprekfeardigens kin net heech genôch oanslein wurde. It is net oerdreaun om to sizzen dat de oarsprong fan de omkear yn it Kristlik Selskip yn 1924 leit by it kritysk forwurkjen fan de learingen op de jongfeinteforieningen. It is hjir wol it plak om hwat omtinken to jaen oan de Fryske studinteforieningen dy't oan 'e ein fan de tweintiger jierren fiks bigounen op to kommen en gjin oanstriid hiene om yn it forhoalene to wurkjen. Nou hiene der ek yn earder tiid yn de universiteitsstêdden wol út en troch Fryske studinteforieningen bistien, mar dat wiene ornaris ûnderdielen fan | |
[pagina 268]
| |
It Wageningsk Studinteselskip hat yn 1931 it earste Fryske Studinte-almanak útjown. Foar de lettere jiergongen hat de Federaesje fan Fryske Studinteforienings ret. *
corpora dêr't nei in skoft neat mear fan heard waerd. In útsûndering moat dêrby makke wurde foar Natio Frisica, it al neamde Frysk studinteselskip fan de Frije Universiteit, út 1898, dêr't Sipke Huismans en syn maten daliks in prinsipiële grounslach ûnder lein hiene. It wie it earste fan in nije styl; it twadde ûntstie pas mear as in fearnsieu letter (yn 1925) to Grins. It hjitte Bernlef, en ien fan de oprjochters wie Douwe Kalma, dy't doe Ingelsk studearre. Hy waerd ek foarsitter, mar net sa'n goedenien as de leden hope hiene. Hy hie tofolle oare drokten oan 'e holle en wie in bulte ûnderweis. Yn de winter fan 1929 op 1930 kaem it Wageningsk Studinteselskip foar Fryske Stúdzje ta stân, mei as liedende figuer Jan Bieuwes van der Meulen. Dit Selskip, dêr't sa goed as alle Fryske studinten fan de lânbouhegeskoalle lid fan wiene, soe yn de jierren dêrop fiks fan him hearre litte. Op Wageningen folge Leijen yn febrewaris 1930 mei in Fryske stúdzjerounte ûnder lieding fan André Scholten. Yn oktober fan datselde jier wie Utert oan bar; it selskip hjitte Radbod (letter foroare yn Redbad) en Haring Tjittes Piebenga wie ynearsten de skepper en de skriuwer. | |
[pagina 269]
| |
It fruchtbere jier 1930 krige in soarte apotheose yn in stúdzjedei foar Fryske studinten, holden op 22 desimber yn de Kânselderij to Ljouwert. Jan Bieuwes van der Meulen wie it dy't dit yn oerliz mei Wumkes foar mekoarren krige hie. Op dit gearkommen waerd ek it earste Frysk studinte-almanak, diskear noch it wurk fan Wageningen allinne, oanbean. It wichtich bislút fan dy 22e desimber wie de oprjochting fan de Federaesje fan Fryske Studinteforieningen; nammers waerd dizze dei de earste fan in rige stúdzjegearkomsten yn de wike foar de Krystdagen. Folle útwreiding krige it tal studinteforieningen sûnt net mear. It studinteselskip Aldgilles to Delft (haedman J.J. van Weringh) woe net rjocht fan de groun komme en itselde gou foar in Fryske stúdzjerounte oan de Amsterdamske stedsuniversiteit. Dit yn aksje kommen fan de studinten hat in forsterking fan de nije styl west. De akademyske jeugd kaem nou fanwegen foar de rjochten en binammen de taelrjochten fan it folk; en hwer moasten dy oars helle wurde as by de Hollânsk-sintryske oerheden? It wie de politike rjochting dy't it Kristlik Selskip en de Jongfryske Mienskip al lang wiisd hiene. De muoite dy't it Selskip-1844 hie om dizze koerts to farren forklearret syn binefterbliuwen en propagandistyske machteleazens noch lange jierren nei 1918. It Kristlik Selskip hie nammers ek de omkear fan 1924 nedich om los to kommen út de steat fan sterilens dy't it gefolch wie fan to greate forbounens mei de kristlike partijen en har polityk; in hâlding dy't binammen de oerhân krige hie nei it ôfgean fan Sipke Huismans. Sûnt de rjochting fan Folkertsma en Schurer it roer oernommen hie foroare dat hurd. It kaem neitiid al gau ta strideraesjes mei it ‘Friesch Dagblad’ dat yn 1926 yn Daniël van der Meulen (skriuwersnamme Uddo) in haedredakteur krige hie yn de ‘mannenbroeders’-styl. Ut dizze dúdlike tsjinstelling tusken krante en Selskip is it wykblêd ‘De Stim fen Fryslân’ fuortkommen. It is in forhael op himsels. By Uddo gyng it der yn it bigjin noch net iens sasear om dat Folkertsma sa ûnôfhinklik en Schurer sa pasifistysk wie. Syn haedbiswier wie dat it Kristlik Selskip Fryske polityk fierde los fan de kristlike partijen en, as it sa út kaem, tsjin de kristlike partijen. Dat wie, neffens him, de wei nei radikalens en oerhearrichheit. En doe't Schurer, Folkertsma en Inne de Jong (âld-redakteur fan it ‘Friesch Dagblad’) har yn de CDU bijoegen waerden dy by Uddo wol de symboalen fan hoe't it giet as men fan it rjochte paed ôfrekket. Dochs wie it utersté net sa dat it Kristlik Selskip sa heal en heal in CDU-klub waerd. Party leden bleauwen goede anti-revolusionairen, dy't allinne op it stik fan it Frysk in oare geast yn de partij bringe woene. Ien fan harren wie | |
[pagina 270]
| |
S.E. Wendelaar Bonga, neitiid lange jierren foarsitter fan it Kristlik Selskip. De CHU stie bûten de strideraesje, mar ek moai fier fan de doelen fan it Kristlik Selskip ôf. Dat komt dúdlik út yn har antwurd op in brief fan it Kristlik Selskip yn 1928 oan de kristlike partijen yn Fryslân mei de fraech, yn hoefier't dy ré wiene mei to wurkjen oan it bifoarderjen fan it Frysk yn rieden en Steaten en foar oar offisieel gebrûk. De CHU skreau, it Frysk bifoarderje to wollen ‘voorzooveel dat geen schade doet aan het Hollandsch’. Kommentaer fan Folkertsma yn ‘Yn ús Eigen Tael’: ‘Earmoedich en ûnnoazel’Ga naar eind181.. De ARP joech in tûker antwurd, al iepene dat ek gjin fiergesichten. It blêd ‘De Stim fen Fryslân’ is ûntstien neidat M.S.E. Visser, dy't yn it ‘Friesch Dagblad’ in Fryske rubryk forsoarge dy't ek Selskipsrubryk wie, fan Uddo dien wurk krige. ‘De Stim’ wie gjin útjefte fan it Kristlik Selskip, mar fan in parseforiening. Unôfhinklik, kristlik en Frysk, wie dit blêd it orgaen fan it griene hout fan de Fryske rjochtsinnigen. De lieding lei yn hannen fan Folkertsma, hwaens haedartikels en skôgingen, skreaun yn in monumintale styl en faek ek monumintael fan lingte, allinne al it blêd in opmerklike weardichheit joegen. Nijsgjirrich is dit journalistysk wurk ek fanwege de koele hâlding dy't der út blykt foar de greate partijen oer. Foar Folkertsma bistiene se op in distânsje; se wiene Hollânsk en hiene amper bigryp foar hwat Fryslân wie en takaem. Yn de lytse keppel dy't er yn de tweintiger jierren om him sammele hie, hat er (neffens Gys Koelstra) ek war dien om de foarstap to nimmen foar de oprjochting fan in Frysk-nasionale partij; mar dêr hat er de oaren net yn meikrigeGa naar eind182.. Syn lidmaetskip letter fan de CDU hat grif mear to meitsjen hawn mei solidariteit as mei fûle oertsjûging, mar lang hat it net duorre. Dat Douwe Kalma, lyk as al meidield is, ek yn dy partij siet, wie noch wer hwat oars; it hat dy syn (mislearre) bisykjen west troch middel fan de polityk hwat forlerne macht werom to winnen. Hwat ‘De Stim fen Fryslân’ oanbilanget, dy hat, elke wike útkommend mei fjouwer greate siden, mei har goede meiwurkers en frisse ynhâld in wichtige útwurking hawn yn en bûten de rjochtsinnige rounten; der yn troch it krewearjen foar in Frysk Fryslân en it frijmoedich en mei humor ûnder skot hâlden fan domenys en oare lju fan kwizekwânsje dy't it grau hiene op it rûge Frysk en dêr bûten troch de bydrage dy't it jown hat oan de ienriedigens yn de Fryske striid. Mei it opwurkjen fan de selskippen is it oars noch net sa glêd fan de tried roun. Folkertsma hat hiel hwat alteraesje oproppen mei in rige artikels yn ‘Yn ús Eigen Tael’Ga naar eind183. dêr't er it bistean fan de antithese yn útlei sahwat op de wize as in orthodokse marxist de lear fan de klassestriid. Ek | |
[pagina 271]
| |
wiisde it Kristlik Selskip in Upstalbeamsuggestje foar in bistjûrskonferinsje ôf. Mar yn de AFUK hie Jan Hof syn niget oan de brûkberens fan Folkertsma, dy't him hiel hwat minder liede liet troch de antithese as troch soune en praktyske opfettingen. It hat winlik folle mear it Selskip -1844 west dêr't de tiid earst noch in fiks stik tsjinsin en wrok yn oersljochtsje moatten hat. It kaem ek om't der gjin jongerein ûngeduldich ré stie om de âlde garde ôf to lossen. Mannen as Onno Sytstra en J.J. Hornstra wiene boppedat taeije hoekhâlders dy't as skoalmasters in stik ûnformoedsoene frijsinnich forline meitôgen. En hwat moat men tinke fan in dochs wol frisse figuer as Canne, dy't yn de jiergearkomste fan 1928 al hwat lofts wie oprôp him to forienjen om't it Kristlik Selskip oars tofolle yn akte krige?Ga naar eind184. Ek Canne, haedbistjûrslid sûnt 1925, wie ûnderwizer; en noch in fjirde ûnderwizer siet yn de lieding: Jan Walings Dykstra. Dy wie út syn aerd lykwols net sa neigeand; nammers krige hy as ynspekteur fan de AFUK-eksamens stadichoan wol ynsjoch yn de fortuten fan it mienskiplik stelsel fan ûnderwiis en oplieding. De âlde garde hie fansels net it ivich libben. Der kaem by dat it Selskip-1844 ûnder har hannen stadichoan syn ledetal ôfbroazeljen seach. Yn 1929, noch foar de greate krisis, kaem dat foar it earst sûnt in feamsieu wer ûnder de tûzen. De foroaringen bigounen yn 1929 doe't dr. S. Cuperus, tusken syn meibistjûrders noch ien fan de jongsten, as foarsitter ôfgyng. Hy hie de moedfearren hingje litten. Canne waerd syn opfolger; in aktyf man wol, mar net bidield mei altofolle takt en ôfhandich wenjend yn Amsterdam. It hat mei him mar koart duorre; yn 1931 forstoar hy hommels. It wie wol foargoed in forlies; hwant ek as toanielskriuwer en as tydskrifteredakteur sette dizze bûtenfries noch altyd gâns út 'e wei. Doe gyng it fierder hurd. Yn itselde jier stapte Jan Hof op; hy hie syn nocht en woe him wije oan syn boek oer de dialektgeografy. Tagelyk joech J.J. Hornstra, mei in lyts tussenskoft bistjûrslid sûnt 1890, it skathâlderskip der oan, nei't er twa jier earder foar it skriuwerskip bitanke hie. Hy wie djip yn de sawntich en soe net lang mear libje. En yn 1932 loek Onno Sytstra him werom as samler; in funksje dêr't er yn 1884 yn bineamd wie. Hy hie noch bilibje moatten (yn 1929) dat it abonnemint op it Selskipsblêd losmakke waerd fan it Selskipslidmaetskip, hwat makke dat de Selskipsynlage wer op in ryksdaelder komme koe. It wie in âlde winsk fan de kriten dêr't it haedbistjûr oan doe ta nea oan tajaen wollen hie. Yn de winter foar Sytstra syn ôfgean wie S.L. van der Burg forstoarn, earefoarsitter fan it Selskip en ien fan de lêste foarmannen út it forroune liberale tiidrek, dêr't er ek as Steatelid en Nutslêzer syn plak yn hawn hie. | |
[pagina 272]
| |
It Sosiael-demokratysk Frysk Forbân hat in rige fan jierren moai warber west. Yn dit nûmer fan syn orgaen, It Forbân, stiet in oprop foar in Krystgearflecht. *
Nei al dy foroaringen kaem de nije garnituer dochs noch net sa gau oan bod. Yn it plak fan Canne kaem Jan Walings Dykstra, hwat mear tsjutte op bihâld fan de bân mei it forline as op it sykjen fan in iepening nei de takomst. Fan skriuwer Geart Tuinstra wie it jongste ek al wer ôf. Mar linkendewei krige de jongerein dochs in greater plak. Op de list fan haedbistjûrders is J.H. Brouwer de earste Jongfries (1931): dan folgje R.P. Sybesma, dy't samler waerd yn Sytstra syn plak (1932), ir. K.A. Rienks (1934), Bouke Tuinstra (1935), J.K. Dykstra (1936) en W. Th. Zwart, âld-Mienskipsfoarsitter (1937). In sa dúdlike omkear as by it Kristlik Selskip siet der lykwols net yn. Der wie nou ienkear net folle om to kearen yn de stadige massa fan de leden. Mar it bitsjutte wol de ein fan de wrok en in greatere réens om mei de oare selskippen op de foet fan gelikensens op to wurkjen. De foroaring fan geast komt ek út yn it feit dat inkelde fan de nije Selskipsbistjûrders anneks west hiene mei de oprjochting yn de simmer fan 1928 fan it Sosiael-Demokratysk Frysk Forbân. Dizze died moat alhiel sjoen wurde yn it ramt fan it kommen fan de Fryske biweging yn politike | |
[pagina 273]
| |
banen. De SDAP wie in moai sintralistyske partij mei in fiks oerwicht fan de greate stêdden yn it Westen. Yn Fryslân mei syn Folkspartij-tradysjes joech dat út en troch spanningen dy't ek fuortkamen út de miening dat it doel fan de Fryske biweging en it eigen Frysk kultuerlibben to min achtslein waerden. It Sosiael-Demokratysk Frysk Forbân woe hawwe dat de striid en it wurk foar it sosialisme yn Fryslân oanslute soene by it Frysk eigene. Syn wurk seach it yn de partij, net dêr bûten; leden koene ek allinne SDAP-ers wêze. Foar stipers gou dy biheining net. J.K. Dykstra waerd foarsitter, M.K. Scholten (yn de tweintiger jierren noch neffens Hof ‘skyldknaep’ fan Douwe Kalma) skriuwer. It Forbân bigoun yn 1930 mei it útjaen fan in eigen krantsje, dat earst it ‘Frysk Folksblêd’ hjitte mar nei it útkommen yn 1931 fan it ‘Volksblad voor Friesland’ as provinsje-edysje fan it deiblêd ‘Het Volk’, gewoan: ‘It Forbân’. Folle opskuor joch dizze ûntjowing net. Dat it fortuten die kaem oan it ljocht yn 1930, doe't it gewest Fryslân fan de SDAP him útspriek foar it Frysk op 'e skoallen. De leden fan it Sosiael-Demokratysk Frysk Forbân wiene almeast bisteklik folk fan it type sosialist en ûnthâlder. Forskate fan harren hiene yn de Mienskip sitten doe't dy har noch sosialistysk neamde en hiene ek har plak hawn yn de jeugdbiweging. Letter soe ûnfrede mei de as ûnfoldwaende fielde eigen macht fan de SDAP yn Fryslân reboelje en skuorring toweibringe. It wie de Kiès-episoade dêr't fierderop noch hwat fan sein wurde sil. Dêr sieten lykwols oare krêften en oare minsken efter. Yn it kristlike kamp gyng it yn dy snuorje hiel hwat fûleiniger ta. De striid fan it ‘Friesch Dagblad’ tsjin it Kristlik Selskip wie yn in biskiedend stadium kommen. De greate kweadwaner wie nou dochs wol Fedde Schurer wurden, Frysk CDU-kandidaet by de Keamerforkiezingen fan 1929, dy't yn syn redefiering ‘Kristendom en Oarloch’Ga naar eind185. fan de militante anti-revolusionaire opfettingen gjin tried hiel litten hie. En doe't yn 'e hjerst fan itselde jier in konflikt tusken Schurer en it grifformeard bistjûr fan de kristlike skoalle op 'e Lemmer op in hichtepunt oangyng, bigoun it ‘Friesch Dagblad’ mei it útjaen fan it byblêd ‘De Fryske Kalvinist’, dat bidoeld wie as tarieding fan de oprjocha'ng fan in Grifformeard Selskip. Oer Uddo syn bidoeling om mei ‘De Fryske Kalvinist’ in tsjinwicht to jaen foar ‘De Stim fen Fryslân’ en winlik it bistean dêrfan ûnmooglik to meitsjen, hat by Folkertsma-en-har nea gjin misbigryp bistien. Folkertsma hat sa forstannich west him net yn polemiken to bijaen. Wol hat er yn rigen haedartikels it ynterkonfessioneel karakter fan ‘De Stim fen Fryslân’ bitsjûge en ek dúdlik útlein dat har Frysk stribjen ornearre wie as | |
[pagina 274]
| |
‘Kristendom en oarloch’, de printe pasifistyske rede fan Fedde Schurer, dy't forkoft waerd as slaed, neidat Uddo der syn galle oer útspuid hie yn it Friesch Dagblad. *
paedwizer foar alle kristlike partijen. Mar mei ien as Uddo hat er net yn de slach wollen, net oer de kwestje-Schurer en net oer de forskynsels dêr't dy in ôfbraek yn seach yn de kristlike polityk sa't hy dy opfette. Foar Folkertsma, dy't ûnderwizer west hie, earst yn Drachten en letter op 'e Lytse Gaestmar, mar yn 1926 in frij (en sober) bistean keazen hie as skriuwer en journalist, wie it in soarte fjûrprôve: hy moast syn siel rêdde en syn krante; en nammers ek it Kristlik Selskip sa't dat yn 1924 syn nije styl foun hie. Yn 1930 krige Fedde Schurer ûntslach as ûnderwizer op 'e Lemmer en forfear nei Amsterdam. Yn datselde jier waerd it Grifformeard Frysk Selskip oprjochte ûnder lieding fan de net ûnbikende ds. Jan Douma, It Kristlik Selskip hie hwat skea yn de ledelist en der moast in fikse aksje fierd wurde foar ‘De Stim fen Fryslân’, mar beide bleauwen oerein. It Grifformeard Selskip is net folle wurden en allikemin syn orgaen, it ‘Grifformeard Frysk Tiidskrift’Ga naar eind186.. Nei in jiermannich wie de fleur der al út en yn 1945 is de foriening stil ûntboun. Fierwei de measte Frysksinnige grifformearden hawwe oan dizze ôfskiedingsbiweging net meidwaen | |
[pagina 275]
| |
E.B. Folkerisma syn forneamde rede oer selsbistjûr: desintralisaesje neffens it Switsersk stelsel. *
wollen. Foar in part hat dat ek wol lein oan Uddo syn brek oan alluere. Der bistie by minsken mei hwat selsrespekt nou just gjin oanstriid de sensuer fan dizze man to akseptearjen. Doe't Fedde Schurer ris oan mr. P.S. Gerbrandy frege nei dy syn miening oer Daniël van der Meulen, sei er: ‘Dy man en syn krantsje sitte my oan de strôte ta’Ga naar eind187.. Oan Folkertsma hie Uddo gjin hânwetter. It koste nammers ek gjin muoite om de foardielen to sjen fan it frijstean fan it Kristlik Selskip fan de kristlike partijen. Foar de Fryske biweging hat it fan greate bitsjutting west dat Folkertsma en syn maten dizze striid woun hawwe. Ien fan dejingen dy't it Kristlik Selskip trou bleau wie Hindrik Algra, de man dy't nei Uddo syn hastich forstjerren yn 1935 dizze as haedredakteur fan it ‘Friesch Dagblad’ opfolge is. De greate rede ûnder de titel ‘Selsbistjûr for Fryslân’, dy't Folkertsma holden hat op 'e Krystgearkomste fan it Kristlik Selskip yn 1929Ga naar eind188., is in nijsgjirrige frucht fan syn ûnôfhinkelik tinken. Winliken is dizze rede in earste bisykjen om mooglikheden to finen foar in selsstanniger folksbistean yn Fryslân binnen it Nederlânsk keninkryk. Folkertsma bipleite desintralisaesje om't ‘troch it sterke sintralisme fen de Nederlânske steat | |
[pagina 276]
| |
Fryslân him noch geastlik-seedlik, noch polityk-ekonomysk, frij natuerlik en organysk ûntjaen kin’. Steatsrjochtlik útwurke hie hy syn idéen net, mar hy gyng der wol fan út dat hwat yn de Foriene Steaten en binammen yn Switserlân koe, ek yn Nederlân mooglik wêze moastGa naar eind189.. En yn elts gefal wiisde Folkertsma yn dizze rede dúdliker de wei as Douwe Kalma ea dien hie al syn skriften. Hoe tige it Kristlik Selskip hjir it Selskip-1844 in reed foar wie, hoecht amper sein to wurden. It soe noch in skoft duorje moatte ear't de foarmannen fan lêstneamd selskip foldwaende distânsje woun hiene fan de eigen tradysjes om har ek hwat frijmoedich op it mêd fan it federalisme bijaen to doaren. De federalistyske fisy, dy't klearrichheit bringe koe yn de forhâlding fan Westerlauwersk Fryslân ta de Nederlânske steat, hold gjin oanwizing yn foar mooglike steatkundige bannen mei de gebieten yn Dútsklân en Denemarken dy't ienkear ta Great Fryslân heard hiene. ‘Net nei it Suden mar nei it Noarden wize ús tradysjes; net yn it Suden mar yn it Noarden wachtet Fryslân de takomst’, skreau Folkertsma yn in skôging oer it Greatnederlânsk stribjenGa naar eind190.. It stellen fan Greatfryslân boppe Greatnederlân koe wol ûntliend wurde oan it program fan De Upstalbeam, mar hokfoar ding Greatfryslân winlik wurde moast kaem ek by Folkertsma net út de ferve. De man dy't yn dy tiid de forbounens fan de Fryslannen tige kultivearre wie J.P. Wiersma, in feardich journalist dy't yn tydskrift en krante binammen Noardfryslân, it gea en syn biwenners yn har bidriuw, har forieningen en har strideraesjes, foar de lêzers iepenlei as wie it alhiel eigen. Hy wie ek de man fan it yn 1929 oprjochte Greatfrysk Striidboun, in hwat ûndúdlike foriening dêr't letter nea net folle mear fan heard is. Likegoed wie der, binammen troch de Greatfryske kongressen, wol in forsterking fan de relaesje tusken de Fryslannen dy't yn earder tiid mar inkeldris oer de fase fan it brieveforkear hinne kommen wiene. It Greatfrysk kongres yn it Noardfryske Husum yn augustus 1930 hat lykwols it nut hawn de grinzen fan it mooglike dúdlik fiele to litten. Folkertsma hat der letter oer klage dat East- en Noardfriezen op dizzekongressen har eigen tael net sprekke woene: ‘Hja binne Greatdútsk’Ga naar eind191.. Hy hie it ek oer ‘de needsaek dat it Frysk nationael idé de greatfryske aksje wêzenet en laet’. Mar oft er der doe noch op tidige hat? It wie oars hielendal net sa'n min kongres. Dr. Reimers spriek oer it mislearre bisykjen fan keizer Maximiliaen en greve Edzart fan Eastfryslân om Fryslân to forienjen, dr. Pauls (út Kiel) oer de forbiningen fan Noardfryslân mei Nederlân, Douwe Kalma oer Harmen Sytstra, prof. Borchling oer Friezen en Heechdútskers, Hindrik Algra oer de tiid fan Willem Loadewyk en dr. Stierland (Altona) oer de opskik fan de Friezen en it forbân dêrfan mei | |
[pagina 277]
| |
Amsterdam. Mar Douwe Kalma wie de iennichste dy't de Fryske tael brûkte. Dúdliker as ea krigen de talen fan de Dútske Fryslannen it stimpel fan nijsgjirrige, mar foar greatere doelen ûnbrûkbere, folkloristyske forskynsels. Steatkundich bistiene, sa't it like, foar dizze gebieten gjin winsken en gjin problemen. De Upstalbeam hie oan it bisiik fan it kongres in ekskurzje forboun; nammers reizge it hiele kongres foar syn lêste dei nei it eilân Sylt (of Söll, lyk as de Fryske biwenners it neame.) It wie folklore; en hwat it noch mear wie kin blike út hwat Fedde Schurer letter forteldeGa naar eind192. op Helgolân heard to hawwen, ntl. dat dit eilân winlik ‘ein hübscher kleine Kriegshafen’ brek wie. It nasionael-sosialisme wie yn it opkommen en al hie it noch net safolle yn to bringen, it wie dochs al dwaende de atmosfear to bidjerren en elts stribjen nei hwat mear polityk en kultureel forskaet oan to sjen foar in bigjin fan forrie. Frucht fan dit kongres hat west il tastânkommen fan in Fryske Rie mei as leden dr. R. Muuss (Noardfryslân), dr. H. Siebs (út Weener, Eastfryslân) en Douwe Kalma. Der sil foar Douwe Kalma wol in elemint fan konkurrinsje yn sitten hawwe mei J.P. Wiersma syn Greatfrysk Striidboun. Mar dizze Rie hat ek al gjin skiednis makke. |
|