Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 249]
| |
Ienriedigens as needsaekIn nij Bûtenboun - Wumkes bibliothekaris - Selskip-1844 en ‘It Heitelân’ út mekoarren - It tydskrift ‘De Holder’ - Jan Hof seit Kalma it mannewaer op - De Greatfryske kongressen - It Genoatskip hûndert jier - Oprjochting fan de Fryske Underwysrie - De AFUK ienheitsorgaen.Fan de oprjochting fan it twadde Bûtenboun is noch gjin gewach makke. It earste hie, lyk as al meidield is, opholden to bistean yn it lêste jier fan de mobilisaesje; in bytsje wol as mobilisaesjeslachtoffer, mar dochs net hielendal: der hie ek al jierren in taei en fornielend skeel west oer it lidmaetskip fan it selskip Piter Jelles to Amsterdam. Op 'en nij forriisd is it boun yn 1923; it hjitte it Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân en foarsitter wie yn it earst de altyd warbere Bonne Sjoukes Hylkema, dy't foar de foroaring wer ris yn Den Haech wenne, nei't er yn in interim-skoft yn Fryslân it Selskip-1844 tsjinne hie as propagandalieder en skriuwer. It gyng wer ta op sjongkrigen en iepenloftútfieringen; mar der kaem dochs in nij elemint yn, sûnt yn 1925 J. Winkelman it foarsitterskip fan Bonne Sjoukes oernaem. Winkelman, man fan de Kalma-generaesje, hie as jongfeint in moai stik jongfryske foarming krige en by him libben dúdlike opfettingen oer hwat de Friezen fan de oerheit loskrije moasten. Hy binammen, mei in neigeraden wichtige amtlike posysje by de gemeente Amsterdam, hat makke dat it Boun om utens sines tadien hat oan de machtsfoarming dy't nedich wie yn de striid foar it Frysk ûnderwiis. Foar de ûntjowing yn Fryslân hat fan greate bitsjutting west de foroaring dy't kaem op de kânselderij yn Ljouwert, dêr't it ryksarchyf fan Fryslân en de provinsiale bibliotheek yn ûnderbrocht wiene. Sûnt it forstjerren fan Gerben Colmjon yn 1884 hie it kombinearre amt fan ryksarchivaris en provinsiael bibliothekaris opholden in soarte wittenskiplike foarpost fan de Fryske biweging to wêzen. De Geldersman dr. J.L. Berns hie de funksje 36 jier yn hannen hawn en de klam lein op it stille archivarisskip. Om't er ek net publisearre dat útmakke, hie it in bistean west yn it healtsjuster. Syn opfolger dr. H.A. Poelman, in stik aktiver wol, waerd al nei twa Ljouwerter tsjinstjierren ryksarchivaris yn Grins. Doe is de funksje splitst. Der kamen in direkteur fan de provinsiale bibliotheek en in ryksarchivaris: de iene boppenyn it gebou en de oare ûnderyn. Ryksarchivaris waerd dr. S.A. Waller Zeper, leat út in âlde | |
[pagina 250]
| |
Dr. Wumkes, ûnder hwaens lieding de Provinsiale Bibliotheek in libben en drok bisocht ynstitút wurden is, yn syn wurkkeamer op 'e kânselarij. *
Ljouwerter famylje; provinsiael bibliothekaris waerd dr. G.A. WumkesGa naar eind164.. Wumkes docht it nuvere forhaelGa naar eind165. dat hy op in dei (tafallich dy fan syn sulveren jubileum as domeny) mei in telegram by kommissaris Van Harinxma roppen waerd, sûnder euvelmoed nei it provinsjehûs teach en dêr it bineamingsbislút to hearren krige. Om't fan de gearkomsten fan Deputearren nea gjin notulen makke binne, is net mear nei to gean hoe't krekt de bineaming ta stân kommen is. Mar binammen Van Harinxma, dy't Wumkes út it Frysk Genoatskip koe en wol wist hoe tige dy bigien wie op it fan himsels propagearre amt fan histoarjeskriuwer fan de Steaten, hie in formeel sollisitaesjebrief net nedich hawn. Mei de greate rige ‘Bodders yn de Fryske striid’, yn ‘It Heitelân’ forskyndGa naar eind166., hie Wumkes nammers syn wittenskiplik plak yn de Fryske biweging bikrêftige. Faeks hat op it provinsjehûs ek wol bikend west dat him by alle oare drokten yn de greate Snitser gemeente it domenyswurk neigeraden hwat oermânsk waerd. Rjochtsinnich herfoarme en as man fan it Kristlik Selskip moat hy oannimlik west hawwe foar de konfessionele Deputearren; en foar de oare leden fan it kolleezje as ien dy't syn krêft net sjocht yn it isolemint. It bliuwt lykwols ûnwierskynlik dat hy fan tofoaren netris foarsichtich tante is. | |
[pagina 251]
| |
De bineaming fan Wumkes op de iennichste wittenskiplike post dy't de provinsje doedestiids to forjaen hie hat fortuten dien op in wize as net folle minsken tocht hiene. Hy hat it west dy't de doarren fan de hwat biskimmele provinsiale bibliotheek wiid iepen smiten en de bitsjutting fan dit ynstitút foar stúdzje en sneuperij rounom bikend makke hat. Mar dat hat lang net it iennichste west. It koe net oars of as provinsiael amtner wied er ek adviseur yn kulturele saken fan Deputearre Steaten en fan Van Harinxma yn it bisûnder. Van Harinxma hie wol forlet fan sa'n helper. Der is goede reden om oan to nimmen dat er net sa forgulde wie mei de reputaesje dy't er krigen hie, troch Sjouke de Zee it Frysk praten yn de Steaten to forbieden en troch it net tofoarenkommen dat op de ûnder syn lieding steande bikende jannewarisgearkomste fan it Frysk Genoatskip yn 1921 it Frysk as sprektael útballe waerd. Syn eigen tael wie in soarte forbettere stedfrysk dat hy feitlik nea priisjoech foar it heech-Hollânsk. Hy fielde him wol foargoed Fries en it romantysk nasionalisme fan Wumkes hat him sûnder mis flijd, ek al om't it frij stie fan elk radikale politike oertsjûging. Wumkes syn bineaming wie in sukses fan de nije rjochting yn de Fryske biweging. Hy stie net efter Hof en Sytstra mei har ûnderskied tusken folkstael dat it Frysk al en kultuertael dat it net wie. Syn miening wie dat sok ûnderskie net bistie of hearde to bistean. Hoe romantysk kleurd it bitinken fan Wumkes yn mannich stik ek wie, hy hie dochs wol skerp foar de geast dat in tael ien en ûndielber is op straffe fan it ta weismiten keard to wêzen. Idioom of ideael: hjir leit dúdlik it forskil tusken de âlde en nije biweging. De nije stie yn de oanfal op in breed front, de âlde woe har yn har stribjen weromlûke op 'e liny fan de minste wjerstân. Hwant it wie ek sa, dat de skieding tusken folkstael en kultuertael neffens de Hof-Sytstra-lear fierhinne lykop roun mei de sosiale skieding yn Fryslân. It wie in erfskip fan it liberale tiidrek doe't it fan de Fryske biweging woune plak sa tige biskaet en biheind waerd troch de forhâldingen yn de boargermaetskippij dêr't hjasels in stikje fan wie. Op dit sjapiter kin noch wol even trochgien wurde. De bineaming fan Wumkes wie in kultuer-politike died. Nou hie de bineaming yn 'e ieu tofoaren fan Tiede Dykstra en letter fan Gerben Colmjon ta archivaris-bibliothekaris dat ek wol west, mar dêr siet dochs foargoed in stik liberael patronaet efter. De earmslach fan dy beide mannen wie net great. Wumkes stie folle frijer, om't er nimmen nei de eagen hoegde to sjen en om't de tiden foroare wiene. Kultuer-polityk hat nea it sterkste punt west fan de liberalen mei har opfettingen oer de frije gong fan de maetskiplike krêften. Yn Fryslân wie de klam binammen fallen op it konservearjen. It | |
[pagina 252]
| |
Genoatskip krige in fiks subsydzje foar it museum en by it jild foar archyf en bibliotheek (mei as kearn de boekerij fan de Frjentsjerter hegeskoalle) gyng it ek om it bihâld. Winliken hat allinne de útjefte fan it wurdboek yn it liberale tiidrek in died fan aktive kultuerpolityk west fan it provinsiael bistjûr. De fiifhûndert goune foar it ûnderwiis mei amper mear as in symboalyske freonetsjinst foar it Selskip-1844 oer neamd wurde. Sa wie Wumkes syn bineaming it sinjael fan it trochbrekken fan in oare geast. Yn it jier fan Wumkes syn bineaming bistie de organisearre Fryske biweging in foech hûndert jier. Der stie in ieufeest fan it Genoatskip op priemmen, mar yn it selskipslibben like yn dy snuorje der net folle to jubeljen to wêzen. De Upstalbeam woe der hwat geastdrift en fornijing yn bringe, mar it Selskip-1844 hold him dêr bûten. Yn 1925 en folgjende jierren forlear it gâns leden. Oan 'e ein fan 1925 wie it al safier dat it bislute moast syn oerienkomst mei Brandenburgh oer ‘It Heitelân’ op to sizzen om't it jild der net mear foar wie. Letter soe de ynlage forlege wurde moatte. ‘It Heitelân’ bleau ynearsten noch wykblêd as orgaen fan it Selskip Fryslân yn Amsterdam, mar it wie wol to foarsjen dat dat net lang mear duorje koe. De redaksje bistie fierdersoan allinne út Winkelman en Canne. It Selskipswykblêd ‘Fryslân’ kaem werom. Hwat fordwoun wie it moanneblêd ‘Frisia’, útjefte fan de (Jongfryske) Fryske Bibleteek, al wie it, nei't bliken dwaen soe, net foargoed. Wol foargoed waerd opjown de útjefte fan it moanneblêd ‘De Upstalbeam’. It kaem to djûr. Der wiene tolve jeften fan útkommen. Mei it forbrekken fan de bân mei ‘It Heitelân’ wie it âld Selskip wer ris in bisykjen mislearre om de wjokken wider út to slaen. Foar Kalma wie it ophâlden fan ‘Frisia’ in hurd gelach; mar hy bisocht der hwat oan to dwaen mei fan de ‘Nije Mienskip’, doe yn haedsaek syn eigen sprekbuis, in literair moanneblêd to meitsjen, al koe it net folle siden lije. Dat is him net ienris sa min ôfgien. De Upstalbeamlieding, dy't ek gjin reden hie om tige op 't skik to wêzen mei de fordwining fan har blêd, foun der hwat op troch oerliz mei Eisma en Van der Tol, hwat der ta laette dat de redaksje fan ‘Sljucht en Rjucht’ útwreide waerd mei Kalma, Fedde Schurer en Barend van der Veen. It greatste nijs fan it tydskriftefront yn 1926 lykwols wie it útkommen fan it moanneblêd ‘De Holder’, ûnder redaksje fan J.H. Brouwer en Rintsje Sybesma, twa Jongfriezen dy't har fan Kalma losmakke hiene, al siet Brouwer wol yn de Upstalbeam. Printe waerd it blêd by Kamminga yn Dokkum dy't typografysk fan elk nûmer in kunststikje bisocht to meitsjen. De ynhâld wie net oer alle boegen navenant; dochs hat it in pryslik eksperimint west, nijsgjirrich ek om't efter ‘De Holder’ in stikje (biskieden) mecenaet stieGa naar eind167., in ding dêr't Fryslân | |
[pagina 253]
| |
Ien fan de moaije omslaggen fan De Holder (Caspers). *
nou just net om forneamd is. Langer as fjouwer jier hat it lykwols net duorre. Yn de jierren 1926 en 1927 is Troelstra dy't, mei syn politike libbensrin efter him en yn tastân fan wiffe sounens wurkjend oan syn tinkskriften, troch fraechpetearen yn ‘De Holder’ en ‘It Heitelân’ nochris wer bihelle yn de Fryske problematyk. Ut dizze stikken en út in polemyk neitiid tusken Schurer en him yn ‘It Heitelân’ die allinne mar bliken dat Piter Jelles gâns fan de Fryske biweging forfrjemde wie. Dat, lyk as hy sei, de Jongfriezen literair to heech boppe it folk rikten, wie faeks wol wier, mar de kearn rekke it net. Dy wie dat de nije nasionale rjochting net mear tofreden wie mei it ûnderwiizjen en suver hâlden fan de tael, dingen dêr't Troelstra de klam op lei. De nije biweging forpofte it ek troch it brûken fan it Frysk op de twadde rang to bliuwen. Troelstra miende in oanstriid to fornimmen ta steatkundige ôfskieding en dêr wied er as fjûr sa bang foar; Europa wie nei syn bitinken nei 1918 al fier oer de mjitte forsplintereGa naar eind168.. Dit punt lykwols hat yn Fryslân winlik nea earnstich oan de oarder west. Hwat by Schurer en safolle oaren libbe, wie binammen it sosiael motyf dat ek yn de Flaemske striid sa tige fan bitsjutting west hat | |
[pagina 254]
| |
en sa faek net achtslein is: hja woene, har eigen tael sprekkend, mei deselde rjochten en op deselde hichte meidwaen mei de oaren. Troelstra syn stânpunt paste yn de Hof-Sytstra-lear, dy't alle romte liet om yn it maetskiplik libben taelforskil ek fierdersoan it stimpel to jaen fan forskil yn stân. Underwilens bigoun Kalma yn it Selskip-1844 hwat mear nei foaren to kommen. Yn de algemiene gearkomste fan 21 july 1926 krige hy it safier dat in kommisje, dêr't hysels en ek minsken as S.L. van der Burg en J.W. Dykstra sit yn hiene, ried jaen moast oangeande in soarte bigjinselforklearring dy't hy oan it karbrief tafoegje woe. Folle om 'e hakken hie it net, mar it hiele gedoch wie foar Jan Hof dochs reden om op fûleinige wize tsjin Kalma út de koker to spyljen: de man dy't him nou yn it Selskip kringe woe om't er it yn syn Mienskip net fiterje koe en hwaens iennichst doel it wie it Selskip yn 'e wacht to slepen foar syn bisûndere doelen. Hof seit yn syn tinkskriftenGa naar eind169. dat hy, nou't de man der sels bysiet, der ris útblaffe woe hwat him al sûnt jierren wearzge yn Kalma. Hof spriek fan efter de bistjûrstafel wei, mar net út namme fan it bistjûr. De gearkomste harke hwat forheard en net tige mei nocht; Canne ornearre dat Hof fier bûten de oarder west hie. Kalma wist de wiiste partij to kiezen mei net to antwurdzjen op ‘dizze persoanlike oanfal’. Hof sels skynt troch syn filippika gâns opluchte to wêzen; yn elts gefal stie hy sûnt folle goedwilliger foar Kalma oer, al bleau syn miening oer dy syn karakter ûnforoare. It jier 1925 wie dat fan de Friezendei yn it Noarddútske Jever. Efternei is wol praet fan in Greatfrysk kongres, mar dat seit hwat tofolle foar dit gearkommen fan ‘freonen fan de Fryske skiednis en literatuer’. In lytse stûdzje oer it tastânkommen fan dizze Friezendei soe wolris aerdich wêze. Dat it forboun de Upstalbeam der in wichtich oanpart yn hawn hat stiet fêst. De Upstalbeam hie in kommisje foar Frysk stamforbân; en it hat binammen it lid fan dy kommisje mefrou Quarles van Ufford-Buma west dy't de forbiningen lein hat mei Jever, dêr't it kastiel fan de greve Von Addenhausen in moai plak like foar in gearkommen fan de Friezen út west, east en noard. En yn elts gefal hat dizze greve alle stipe jown foar it slagjen fan it planGa naar eind170.. De man dy't it fierders allegearre bioardere hat wie domeny Carl Woebcken. Hy hat mei guon helpers in treflike sprekkerslist gearstalle kinnen en doe nei alle wynstreken de útnoegingen forstjûrd. Sa krigen ek de Selskippen, it Genoatskip en de Upstalbeam it forsiik delegaesjes of bilangstellenden ôf to furdigjen. Dat is bard. Oft al de Westerlauwerske Friezen, krap in fjirdepart fan de dielnimmers, mekoarren ea yn ien gearkomste moete hiene is alhielendal net wis; mar dêr yn Jever wisten | |
[pagina 255]
| |
hja meiinoar fortsjinwurdigers to wêzen fan it lêste stik gearhingjend hjoeddeisk Frysk kultuerlibben. En it wie wol út namme fan allegearre dat dr. S. Cuperus, foarsitter fan it âld Selskip mar ek bistjûrslid fan it Frysk Genoatskip, in noegjend wurd spriek foar in kongres yn Ljouwert yn 1927, hwannear't it Genoatskip hûndert jier bistien hawwe soe. Dy ienriedigens hat greater winst west as alle fortuten fan dizze en lettere Greatfryske gearkomsten foar it bynioar bringen fan de Fryslannen. Under de sprekkers to Jever wiene prof. dr. I.H. Gosses út Grins, dy't it hie oer de histoaryske forhâlding tusken de stêd Grins en Fryslân, en dr. Waller Zeper út Ljouwert, dy't spriek oer de forbiningen tusken Nederlânske en Dútske Friezen yn de 19de ieu. It wie binammen de skiednis dy't har gerak krige, al levere prof. Holthausen út Kiel in filologyske bydrage oer de stúdzje fan it âld-Frysk en koe de ynlieding fan dr. Reimers út Loga oer de tastân fan de skiedskriuwing fan Eastfryslân faeks noch by de rubryk literatuer rekkene wurde. De fiertael fan alle ynlieders wie it Dútsk. Doe, yn 1925, stie noch lang net fêst dat yndied yn 1927 to Ljouwert in Greatfrysk kongres holden wurde soe. Dat it al trochgien is hat it wurk west fan de folsleine Fryske biweging mei oan it haed de foarsitter fan it Frysk Genoatskip, mr. Van Harinxma thoe Slooten, sekundearre fan dr. Wumkes. In komité wie ta stân kommen dêr't alle forieningen yn fortsjinwurdige wiene. De graech as boppepartidich sjoene lieding fan Van Harinxma makke, dat âld skeel fansiden skoud wurde moast. Selskip-1844 en Mienskip diene as gelikensen mei oan de tarieding. Bûten dy twa stiene op 'e list fan forieningen it Kristlik Selskip, it Roomsk Frysk Boun, de Upstalbeam, it Bûtenboun, de Vereeniging voor Heimatstudie van de Stellingwerven en it Historisch Genootschap Oud-Westfriesland. Forbân tusken it ieufeest fan it Frysk Genoatskip en it kongres hat der wol west, mar dochs wie it gjin Genoatskips-manifestaesje en wurdt it ek net as sadanich neamd yn de tsjokke jubileumjefte fan ‘De Vrije Fries’ yn 1928. Mei Van Harinxma en Wumkes siet de provinsje der mear efter as it Genoatskip. It wie nije styl: de provinsje bigoun har kulturele taek to sjen. It kongres hat ek in dúdlike revanche west foar Van Harinxma, oer hwaens frysksinnigens it yn de biweging net oan twivel ûntbriek. Dat hy it kongres laette yn de Fryske tael, hat party fan ‘oerdriuwing’ frije minsken nuver oerfallen. Ien fan harren wie Jan Hof; neffens him hie it earst ek net de bidoeling west. Hy fortelt dat, doe't Van Harinxma him frege om ien fan de seis sprekkers op it kongres to wêzen, hy (Van H.) ek sei dat elkenien frij wie syn eigen tael to kiezen, mar sels fan doel to wêzen it Hollânsk to brûkenGa naar eind171.. In bisprek as dit lit him nei ynhâld en toan net | |
[pagina 256]
| |
krekt mear efterhelje, mar men kin der jin dochs wol foarstelling fan meitsje: in forstannige kommissaris seit dat hy Hollânsk sprekke sil en in forstannige Hof antwurdet earbiedich dat dat yn 'e reden leit en dat it foar him alle eigenskip hat itselde to dwaen. En as dan koart foar it kongres de tiding komt dat mynhear de kommissaris it dochs mar yn it Frysk dwaen sil, dan liket dat hast it brekken fan in akkoart tsjin de oerdwealske rjochting fan de biweging. Hof hâldt it der foar dat Wumkes dêr efter sitten hat. Dat hat ek alle eigenskip. Van Harinxma wie net in man dy't him tige fan oaren liede en driuwe liet, mar yn it bihanneljen fan de Fryske problematyk wied er net sa wis fan himsels. It stiet fêst dat er tofoaren lang mei Wumkes praet hatGa naar eind172.. Nei alle gedachten hat dy der him fan oertsjûge dat hy troch Frysk to praten gâns misbitrouwen by de radikale rjochting weinimme soe, wylst it bisteklik folk it fan him wol hawwe koe. Sa is it ek biteard. De lof wie great en de krityk bleau earbiedich binefter. Jan Hof syn klacht kaem pas fyftjin jier letter. It kongres is holden op 1 en 2 septimber 1927 yn de foar dat doel tige gaedlike Steateseal fan it provinsjehûs. It tal dielnimmers wie oer de twahûndert; de measten wol út Westerlauwersk Fryslân, mar dochs ek frijhwat út East- en Noardfryslân. Van Harinxma iepene mei folle mear as in sljochtwei wurd fan wolkom. Hy biskreau de skiednis fan de Fryske stamme as ien great treurspul. De steatkundige mooglikheden binne yn it forline troch in rige fan oarsaken forlern gien. Hwat oerbliuwt, is fan de forsille stikken fan it erfskip noch hwat to meitsjen. Hy lei de klam binammen op twa dingen: it wittenskiplik wurk en it ûnderwiis. Foar de wittenskip joech hy rûchwei in programma fan wurk dat fierhinne of alhielendal lizzen bleaun wie; foar it ûnderwiis gyngen, hwat Westerlauwersk Fryslân oanbilanget, syn idéen út nei it stiftsjen fan in fêste ried dy't omtinken jaen koe oan de hiele skala op dit mêd fan leech oant heech. Fan de bûtenlânske sprekkers hawwe twa ek in wurdmannich sprutsen yn it Westerlauwersk Frysk: prof. Siebs út Breslau en prof. Collinson út Liverpool. Mar har feitlike ynliedingen wiene wol yn it Dútsk en it Ingelsk. Siebs spriek oer de tael fan de Friezen, Collinson oer de wize hwerop Ingelsk en Frysk taelmateriael oan mekoarren lynje. Dútsk wie de tael fan de Eastfries dr. Reimers en de Noardfries dr. Schmidt Petersen, de earste yn in histoaryske, de twadde yn in filologyske forhanneling. Sprekkers fan eigen boaijem wiene Jan Hof en Douwe Kalma, de twa fûleinige tsjinstanners sûnt mear as tsien jier. Hof hat yn in lange rede mei in oerdied oan materiael oanwiisd hoe slim it Frysk neigeraden oantaest is fan it Hollânsk. Sels spriek hy neffens syn tinkskriften dat Hollânsk, om't | |
[pagina 257]
| |
Kommisjeleden en sprekkers fan it Creatfrysk Kongres to Ljouwert yn 1927: sittend frou A. Quarles van Ufford-Buma, mr. P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, dr. Sj. Cuperus, dr. J.S. Schmidt- Petersen en Jan Hof; steande Douwe Kalma, prof W.E. Collinson en dr. H. Reimers. *
er achtslein wurde woeGa naar eind173.. Der is lykwols genôch reden om oan to nimmen dat hy Frysk sprutsen hie as er earder witten hie dat Van Harinxma dat ek die. Hwat hy sei wie siker net ûnwier, mar men hoecht it forhael yn syn tinkskriften mar to lêzen om to witten hoe tige hy ek sprutsen hat út in fieling wei fan ressentimint. Hja soene fan him, de hjitfolge man, de wierheit hearre. Yn safier wie it in forfolch op syn requisitoir tsjin Kalma in jier earder. Hy hie itselde sizze kinnen yn in hiel oare kontekst, bgl. fan in driuwend birop om tsjin de forhollânsking dy't hy oanwiisde mei man en macht de folkstael to hoedzjen en to noedzjen. Hy krige nou sahwat gjin applaus. Letter hat Winkelman yn in bisprek yn ‘It Heitelân’Ga naar eind174. noch de finger lein op in oar swak sté, ntl. dat it fan Hof oantsjutte forskynsel fan taelforearming en it oernimmen fan frjemd taeleigen ek by it Hollânsk en noch wol by mear Europeeske talen foarkomt. It seit himsels dat út de ynlieding (yn it Frysk) fan Kalma oer bisieljende krêften yn de West-Fryske letterkunde in hiel oare geast spriek as út de skôging fan Hof. Yn syn oersjoch hat hy de âldere skriuwers rom har part jown, mar it wie in rojalens dy't er him permittearje koe út de fieling wei dat hy sels driuwende krêft wie yn de lettere ûntjowing nei greatere hichte. Faeks hat de | |
[pagina 258]
| |
wittenskiplike wearde fan Hof syn forhanneling al sa great west; mar Kalma levere dochs in tige nedige korreksje op Hof syn pessimistysk byld. De botsing tusken âld en nij waerd forsêfte mei't der in dei tusken har ynliedingen lei. It nijsgjirrichste fan alles wie dat op 'e ein fan de twadde dei de twa tsjinstanners mei mekoarren fûstken. Op de dagen dy't oan it kongres foarôf gyngen, hie it Frysk Genoatskip op in hwat stille wize yn eigen rounte syn ieufeest holden. De wichtichste jubileumdied fan it Genoatskip lykwols wie de útjefte van mr. P.C.J.A. Boeles syn ‘Friesland tot de Elfde Eeuw’, foar it meastepart boud op hwat terpe-materiael leard hie. Dizze greate gearfetting heart sûnt ta de standertwurken fan de iere Fryske en Nederlânske skiednis. Ek fanwegen it jubileum wie in totoanstelling fan edelsmeikunst ynrjochte yn it Frysk Museum. Yn it jierforslach oer 1927 wurdt fierders noch in krêftige stipe oan ‘Oudfriesche Oorkonden’, in great sammelwurk fan Sipma dat doe noch yn tarieding wie, as jubileumjefte neamd. It wie drok to Ljouwert yn dy neisimmer fan 1927, mar dat kaem binammen troch in lânboutotoanstelling dêr't de Fryske biweging allinne mei in boeke-útstalling acte de présence joech. It is wol nijsgjirrich om to witten dat yn dy útstalling de oarsprong leit fan de stifting It Fryske Boek. De skiedingslinen yn de Fryske biweging bigounen yn dy snuorje oars to rinnen. It tydskrift ‘Frisia’ dat ein 1925 opholden hie to forskinen kaem bigjin 1927 op 'en nij út ûnder redaksje fan Canne, Kalma, Simke Kloosterman, Fedde Schurer en S.R. Sipma. De Fryske Bibleteek joech it wer út, mar de redaksje hie dúdlik it teken fan de Upstalbeam yn har blazoen. Canne syn namme biwiisde boppedat dat it Selskip-1844 syn kader net mear sa yn 'e hân hie. Nij tsjin âld: it kaem ek ta utering yn it Kristlik Selskip, dêr't de Folkertsma-keppel neigeraden wol foar master opsloech, mar dêr't him dochs in bihâldende opposysje yn hanthavene. Sa hie de dichter A.M. Wybenga, de oersetter fan de psalmen yn it Frysk, sit nommen yn de ûnderwiiskommisje fan it Selskip-1844, neidat Wendelaar Bonga en A. de Vries har dêrút weromlutsen hiene en oergien wiene nei de AFUK. Der kaem nammers ek spul tusken it Kristlik Selskip en it ‘Friesch Dagblad’, hwaens haedredakteur Daniël van der Meulen (Uddo) in skalk each hie op de kristendemokratyske ûntjowing dy't hy yn dit Selskip miende to observearjen. De fraech oft op de taspraek van Van Harinxma op it Greatfrysk Kongres noch hwat folgje soe fan provinsjewegen krige it antwurd koart nei de jierwiksel yn 1928, doe't Deputearren de Steaten it útstel diene in Provinsiale Underwysrie to stiftsjen en dy in subsydzje to jaen fan f 7000 yn it jier. It jild soe tsjinje moatte foar fjouwer leargongen: ien foar | |
[pagina 259]
| |
skoalbern út de hegere klassen, ien foar oplieding fan learkrêften, ien foar oplieding ta in hegere akte fan leararen en ien foar learlingen fan ULO-skoallen, kweekskoallen, HBS-en en gymnasia. Fierder soe der in fakânsjekursus út bitelle wurde moatte. De Underwysrie moast it jild forpartsje, krige it taforsjoch, mar soe ek tsjinje kinne as lichem dêr't bysûndere learstuollen yn it Frysk fan útgyngen. It wie in great programma dat ynienen útsjoch iepene op dingen, dêr't de Fryske biweging yn in hiele ieu net oan tinke kinnen hie. It útstel kaem de Selskippen net hielendal oer it mad, hwant harren bitinken wie tofoaren frege. Mar oerliz yn de wiere bitsjutting hie der dochs net west en der gyng dan ek daliks gjin great jûchhei op. It koste de bistjûren muoite har de nije tastân samar dúdlik foar eagen to bringen, al moast it âld Selskip wol bigripe dat de tiid fan syn monopoalje op 'en ein roun. Fan dy kant kaem it forsiik, foar de yn 'e maitiid ôfrinnende lessen oan skoalbern noch de helte fan f 500 to krijen, hwat ek bard is. Foar de Steaten wie it wol allegearre nij, en hiel hwat leden moatte yn it earstoan frjemd tsjin it útstel oanhuvere hawwe. Noch mar trije jier lyn hie it wikkerdewik stien of it subsydzje fan it âld Selskip wie forfallen. En nou soe dan de provinsje sels in stik forantwurdlikens foar it Frysk ûnderwiis op him nimme. Mar de kristlike partijen, dy't sûnt 1919 yn de Steaten in mearheitsposysje hiene, wisten mar al to goed dat de Fryske biweging al lang gjin liberael forskynsel mear wie; en hja wisten ek dat winlik it Kristlik Selskip it earst en it meast oanstien hie op oerheitsmaetregels foar it Frysk ûnderwiis. Dêr kaem noch by, dat de kristlike partijen de taek fan de oerheit rommer seagen as de liberalen, al bihindere sunigens fakentiden om dat dúdlik sjen to litten. Oer de eftergrounen fan it útstel fan Deputearren is langer wol hwat oan it ljocht kommen. Jan Hof hat it, hwat smeulsk, al oer in ‘winskbifel’ út Den Haech, dêr't men binaud wurden wêze soe foar reboelje yn Fryslân as der net hwat dien waerdGa naar eind175.. Op it provinsjehûs is hjir neat oer to finen, mar M.K. Scholten, dy't doedestiids ticht by it fjûr siet (hy wie amtner op 'e Prov. Bibl.) wit to fortellenGa naar eind176. dat der druk op Den Haech west hat út Berlyn wei, om foar to kommen dat de Friezen in birop dwaen soene op it minderhedenstatút fan it Folkeboun; in winsk binammen fan de Deenske Noardfriezen, dêr't de Dútske Noardfriezen pûr op tsjin wiene. It Haechsk regear skynt doe it Frysk provinsiael bistjûr oantrune to hawwen de (Westerlauwerske) Friezen hwat yn 'e mjitte to kommen. Wumkes hat it yn syn tinkskriften noch oer kontakten tussen Deputearre Sipke de Jong en Fedde Schurer, Lemsters allebeide, dêr't De Jong de | |
[pagina 260]
| |
oertsjûging út oerholden hawwe soe dat der hwat barre moast om ûnbiroaide dingen tsjin to kearen. Mar dêr siet de oast dus net hielendal. En dochs wie it útstel feitlik net mear as in útwurking fan hwat Van Harinxma al op it Greatfrysk Kongres to Ljouwert as winsklik neamd hie en nammers in konsekwinsje fan hwat hy wist yn hûs to heljen, doe't er Wumkes út syn domenysamt wei nei de kânselderij prakkesearre. De tekst fan it útstel wie ek fan Wumkes, al hie dy fansels foldien oan in forsiik fan Deputearren. It hat sa west dat de tiid der ryp foar wie. Oft der yn it kolleezje oer it punt noch strideraesje west hat is net nei to gean. Yn de Steategearkomste opponearre him hwat wjerstân binammen út de twa protestantske fraksjes fan leden dy't it to hommels en to grouwélich oankaem. Mar de lytse roomske fraksje, dêr't Deputearre De Jong út wei kaem, wie fiks foar en allyksa de fraksje fan de SDAP. De stimming joech in mearheit fan 37 tsjin 11. Dat wie de earste stap; doe moast de Underwysrie der noch komme. Ek diskear hat it Wumkes west dy't it biskiedend wurd spriek. Op syn adfys kaem de rie der sa út to sjen; dr. G.A. Wumkes, foarsitter, J.H. Brouwer, twadde siktaris, mefrou A. Quarles van Ufford-Buma, dr. J. Botke en prof. dr. Titus Brandsma. Gjin Van der Burg, gjin Sytstra, gjin Kalma. Siktaris (gjin lid) waerd Piter Sipma. It wie sahwat de kommisje foar heger ûnderwiis dy't al in jier of acht bistie. Wumkes jowt fierder dizze forklearring: hysels mocht achte wurde it Kristlik Selskip to fortsjinwurdigjen, Brouwer it Selskip-1844, mefrou Quarles de Upstalbeam, dr. Botke de Mienskip en prof. Brandsma it Roomsk Frysk BounGa naar eind177.. Mar sels hiene de Selskippen gjin nammen neame kinnen. Wumkes hat oer de bineaming fan de rie birjochten nei de kranten stjûrd dy't nou just net oerrinne fan takt. It fierst gyng hy yn in stik oan de Ljouwerter krante, dêr't yn meidield waerd dat de pas bineamde leden fan de Underwysrie ‘allen staan onder het Jongfriesche vaandel, bezield met de Jongfriesche gedachte. Het is hun maar niet te doen om de taal als zoodanig, maar om heel de natuurlijke en geestlijke basis van den Frieschen stam tot rijker en voller ontplooiing te brengen’Ga naar eind178.. Al stie Wumkes syn namme net ûnder it stik, elkenien bigriep wol dat hy it skreaun hie; en hy hat it nea tsjinsprutsen. Yn syn tinkskriften hat hy wol earlik tajown dat hy it west hat dy't Onno Sytstra út de Underwysrie weikeard hat. Tsjin Van Harinxma hat hy sein dat neffens him Sytstra to konservatyf wieGa naar eind179.. Mar hwerom syn triomf sa út to bazúnjen? It joech frijhwat dalje, mei binammen it Selskip-1844 yn in hâlding fan fûl protest. Dat Sipma bitanke foar it skriuwerskip (in bileanne funksje) kaem neffens Hof troch de strideraesje. Sels hat Sipma Deputearren skreaun dat hy der | |
[pagina 261]
| |
Facsimile fan it stik yn de Ljouwerter krante, dêr't de haedmannen fan it Selskip-1844 sa springend oer wiene. It haedbistjûr wie binammen rekke troch de meidieling dat de leden fan de krekt bineamde Underwysrie ‘staan onder het Jongfriesche vaandel, bezield met de Jongfriesche gedachte’. Dat it slik fan Wumkes kaem is wol wis. *
fan ôfseach om't it wittenskiplik wurk dêr't er mei dwaende wie tofolle fan syn tiid easke. Brouwer hat doe fierdersoan it skriuwerskip waernommen. It wie, efternei bisjoen, in stoarm yn in glês wetter. It Selskip-1844 koe him net mear ôfsûnderje. It die mei oan it gearstallen fan in nije en diskear wierlik algemiene AFUK dy't (mei jild fan de Underwysrie) de kursussen foar skoalbern en it ôfnimmen fan eksamens foar de ûnderwiisakte op har noed naem. Jan Hof en Jan Walings Dykstra kamen der yn foar it âld Selskip. Sytstra hie wegere. As Hof wollen hie, hied er in goede smeet dwaen kinnen op it foarsitterskip, mar dat gyng him dochs to fier. Sa kaem de lieding yn hannen fan Kalma; Folkertsma waerd skriuwer. Fierdere leden waerden J.K. Dykstra noch foar de Mienskip, Wendelaar Bonga noch foar it Kristlik Selskip, Fedde Schurer en S.R. Sipma foar de Upstalbeam en J. Rypma en T. van der Zee foar it Roomsk Frysk Boun. It wie it bigjin fan in nij tiidrek yn de Fryske biweging. By dat bigjin stiet Wumkes as in al to lûde hoarnblazer; mar syn fortsjinste stiet bûten | |
[pagina 262]
| |
kiif. De nije tiid wie dy fan, by alle forskaet en strideraesje, dochs oerhearskjende ienriedigens. Soks bitsjutte sa oer alle boegen winst, dat it dêrom allinne al net rjochtfeardich wêze soe it Selskip-1844 de forliezer to neamen, al hawwe somliken it faeks wol sa field. It wie yn elts gefal de ein fan it folkstael-eksklusivisme, dêr't Jan Hof de greate profeet fan wie mei Onno Sytstra as syn stiifsettichste bounsmaet. Nou't de kniper op 'e skine kaem, die it bliken dat Hof dochs liniger geast hie as syn stege freon fan langer as in fearnsieu, Onno Sytstra: der is net gau in man to finen dy't mear fan bûgjen frjemd wie as hy. It samlerskip fan it âld Selskip hat hy noch seis jier yn hannen holden, mar hy stie sûnt 1928 mear nêst as yn de striid, stadichoan ek weidriuwend fan âlde freonen lyk as Hof. Spitich hat dat sikerwier west, mar it wie net allinne oarmans skuld. |
|