Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 234]
| |
Op 'e siik nei ienheitAlde tsjinstellingen - Douwe Kalma syn raem op it Frysk Genoatskip - ‘It Heitelân’ orgaen fan it Selskip-1844 - Jongfryske Mienskip takket ôf - Jongfriezen yn it Selskip-1844 - Folkertsma en syn maten baes yn it Kristlik Selskip - De Upstalbeam - Oprjochting fan de AFUK - Sipke Huismans forstoarn.It Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen like even in brêge slein to hawwen tusken liberael (of frijsinnich, of neutrael, sa't men wol) en konfessioneel. Dy brêge hat mar koart holden. Yn 1919 en 1920 die him in stadich oanboazjend skeel foar tusken Sipma en Huismans. Sipma as foarsitter fan it Boun hie earst al forgees oanstien op ien mienskiplik ûnderwiisadres nei Den Haech. Huismans hold fêst oan it eigen adres fan it Kristlik Selskip en ornearre dat hoe mear adressen de minister krige, hoe better it wie. Letter foel Huismans der fûleinich oer dat Sipma in adres fan it Kristlik Selskip to gau yn ‘It Heitelân’ ôfprinte hie. Hy skreau it ta oan it ‘frijsinnigendom’ en woe net dat it Kristlik Selskip fierder meidie oan it Boun fan Selskippen, dat doe wol fan de baen wieGa naar eind159.. De âlde tsjinstelling bistie noch foargoed. Dat hie ek al bliken dien yn de Mienskip doe't Folkertsma en syn maten der út stapten. Yn it Selskip-1844 hat in skoft de oanstriid libbe om de foroaring yn de politike forhâldingen to sjen as in forsin fan de skiednis, al moast elkenien dochs wol foar it forstân hawwe dat it mei de ûnderwiispasifikaesje tinken wie. It foel de haedmannen fan it Selskip ek net ta om to bigripen, dat it to dwaen krigen hie mei in provinsiael bistjûr fan in oare signatuer as dêr't it in rige fan jierren mei de sulveren bân fan fiifhûndert goune oan forboun west hie. En foarsafier de Selskipslieding de wiere tastân al seach, moast hja wol bang wêze dat it mei it subsydzje op 'en ein roun. Hwat foar goeds soe komme kinne út it ‘fine’ Nazareth? De ûnderwiisadressen fan it Kristlik Selskip tsjûgje der wol fan dat men dêr goed foar de geast hie mei in bifreone regear yn Den Haech to dwaen to hawwen. Mar it ledetal wjerspegele net folle fan de forgreate machtsposysje fan de konfessionelen. It wie der fier fan ôf dat yn it kristlik folksdiel yn Fryslân ynearsten folle réens libbe it Kristlik Selskip to sjen as middel om de eigen doele to tsjinjen. Ds. Huismans bleau in hwat iensume figuer, dy't boppedat fan in distânsje spriek. Yn 1920 | |
[pagina 235]
| |
Yn it bigjin fan de tweintiger jierren woe de Jongfryske Mienskip trochgean foar (net-doktrinair) sosialistysk. Dêrfandinne dizze oprop oan de arbeiders-jongerein. *
forwiksele hy Zevenhoven mei Doetinchem, faeks tinkend dat dat ek mar foar in koart skoft wie en hy dochs noch in kear wer earne yn Fryslân biroppen wurde soe. Syn plak yn it Kristlik Selskip hold er fêst; en doe't Wumkes yn 1919 hwat oerspand rekke, naem hy ek dy syn baentsje fan samler fan ‘Yn ús Eigen Tael’ der noch by. Men moat hast tinke dat it foar him in kwestje fan selsbihâld wie, hwant mei syn sounens stie it doe al net to gunstich. Altomets like hy hwat op 'e doele yn dizze tiid. Troch syn rûzje mei Sipma roun in skoat tofolle bitterens, hwerby't Wumkes forgees bisocht him del to bêdzjen. Hy seach ek ‘de swipe fan Troelstra’ gean oer de gearkomste to Ljouwert foar it professoraet fan Siebs, wylst doch Piter Jelles sa bisteklik spriek dat Jan Hof der de heechste lof foar hie. De Jongfryske Mienskip as sammelplak fan opstannige en omheech stribjende jeugd bleau fansels hwat nijs, ek nei it forlies fan it kalvinistyske diel. Foar de Mienskip bitsjutte dat lêste gjin tobekfallen yn de âlde biwegingstradysjes. Datselde gou hast noch mear foar de fuortrinders. De Jongfriezen fan ûnderskate signatuer soene noch in rige fan jierren de perspektiven tekenje fan de Fryske striid. Mienskip en | |
[pagina 236]
| |
Selskip-1844 bleauwen ynearsten moai fijannich foar mekoarren oer stean. Wol die Kalma in kear of hwat fredesútstellen, mar de Selskipsmannen seagen noch hieltyd safolle forskil tusken syn wurden en syn dieden en ek tusken syn iene wurd en it oare, dat hja der net op bieten. Oparbeidzje mei de Mienskip: yn bigjinsel ja, mei Kalma: út noch yn net, dat bleau de ûnfruchtbere formule dêr't it Selskip him op fêstlei. In ramp hat it net west. De Jongfryske riis koe better earst noch hwat trochwurkje, ûnbihindere troch iensens dy't gjin iensens wie. En yn de kalvinistyske hoeke biden Folkertsma en syn maten har tiid mei de Frysk-nasionale idéen dêr't it bistjûr fan it Kristlik Selskip harren alris sahwat mei yn de kjeld stean litten hie. Oars as yn it âld Selskip siet lykwols yn it Kristlik Selskip in man, by steat en ré in forbining to lizzen tusken âld en nij. Herfoarme domeny, tagelyk kultuer-histoarikus en bisiele fan krêftige Frysk-romantyske fielings koe dr. Wumkes oer de keppels en de strideraesje hinne hiele Fryslân sjen. Mei syn skiedkundige publikaesjes, pionierswurk yn mannich stik, woun hy earbied; en om't er net steil wie en iepen stie nei alle kanten hied er ek sit krige yn it bistjûr fan it Frysk Genoatskip. Yn dat formidden hat hy yn de mobilisaesjetiid yn in jounsgearkomste in lêzing holden mei as titel: ‘De omkear fen Fryslân, in krústocht troch de nijste heitelânske skiednis’. It wie, skriuwt sekretaresse juffer R. Visscher yn har jierforslach oer 1916/'17, de earste Fryske bydrage sûnt yn jannewaris 1896 Waling Dykstra, T. Velstra en J. Hepkema yn it Genoatskip Fryske novellen foardroegen. It barde yn 'e tiid dat as opfolger fan de yn 1916 forstoarne W.J. baron van Welderen Rengers foarsitter wie de alris neamde mr. R.A. Fockema, in man wer út de rige fan kundige figueren dy't it Genoatskip tanke oan it feit dat it noardlik gerjochtshof yn Ljouwert stie. Yn him krige Wumkes in jiermannich in bounsmaet, sûnder hwaens help hy it Genoatskip nei alle gedachten net safier krige hie dat it meidie oan it Boun fan Selskippen. Yn deselde snuorje krige it Frysk Museum yn H. Martin syn earste direkteur, al hold mr. Boeles noch wol in part fan it âldheitkundich materiael ûnder him. Martin wie tekenlearaer, in man fan binammen artistike kwaliteiten. Lang hat it mei him net duorre. Hy fortsjinne f 2000 en hie daliks it boadskip der by krige dat it Genoatskip net mear jaen koe, doe net en letter net. Dat hie Martin net wjerholden om al yn 'e rin fan 1917, nei oardel tsjinstjier, opslach to freegjen. It waerd lykwols ûntslach yn sté fan opslach, al gyng dat net op stel en sprong yn. Wumkes hie it yn syn lêzing hawn oer de omkear yn Fryslân; mar ta in wiere omkear yn it Genoatskip kaem it net. Wumkes sels moast yn 1919 | |
[pagina 237]
| |
Listke fan de fan Jongfryske kant foarstelde nije leden fan it Frysk Genoatskip, meimekoarren ôfstimd yn de nuver forneamde gearkomste fan 29 jannewaris 1921; de rekkendei fan de âlde Genoatskip-garde. *
op dokters rie as bistjûrslid bitankje en ek mr. Fockema gyng yn dat jier ôf. De nije foarsitter waerd mr. P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, de Fryske kommissaris fan de keninginne en in man fan it bihâld. Syn namme is al in kearmannich earder neamd. Men kin him sjen as de lêste striidbere figuer út de Fryske reginte-adel; lange jierren is hy as sadanich achtenearre en freze. In tsjinstanner fan it Frysk wie hy net; ‘ik | |
[pagina 238]
| |
mag het graag horen’, hied er al yn de Steaten tsjin Sjouke de Zee sein; mar it moast syn plak kenne. Hy wie, en fielde him nammers ek, fortsjinwurdiger fan it sintrael biwâld, personifearre yn de keninginne. Yn de hiërarchy fan dat biwâld wie neffens him foar it Frysk gjin plak. Mar dat bitsjutte net dat hy it dêr bûten net bifoarderje woe. Yn 1920 bigounen yn ‘Frisia’ oanfallen op it Genoatskip. Martin joech stealtsjes fan artistyk barbarisme fan it bistjûr. Hy wie fan komôf gjin Fries, mar hie dochs in fiks oandiel yn it ûntjowingswurk fan de Mienskip op it mêd fan kunst en kunstskiednis. Kalma kritisearre geast en gearstalling fan it Genoatskip dêr't neffens him driuwend foroaring yn komme moast. De Mienskip die yn dy snuorje al war stadich hwat Jongfriezen yn it Genoatskip to krijen om dat ynwindich ryp to meitsjen foar oanpassing oan de moderne tiid. Yn de jierkomste fan 30 oktober 1920 bigoun in mear streekrjochte aksje. Der lei in útstel op tafel fan D. Kalma, J.P. Wiersma en W. Th. Zwart om in kommisje to bineamen dy't in reorganisaesje tariede moast, mei it doel dat it Genoatskip ‘better as oant hjoed de dei syn wittenskiplike wirksumheden neikomme kin en in rommer plak ynnimme scil yn it Fryske geastlik libben fen ús tiid en tichter stean oan it Fryske folk en rêste scil op in ynwindige organisaesje dêr't it demokratysk bigjinsel it dúdlikst yn nei foaren komt’. It kaem yn dizze gearkomste in kear of hwat ta hottefyljen tusken Kalma en Van Harinxma en nammers tusken de Jongfriezen en de hwat út har rêst opskrille âlde garde. It laette ta it bislút om hwat yn it Frysk sein wie dochs yn it Hollânsk to notulearjen. It wie wol dúdlik dat de stille krityk yn it útstel fan Kalma c.s. oan minsken as Van Harinxma, Boeles en W.J. Buma net bjuster bistege wie, mar dêroer kaem it net daliks ta fjochterij. It bistjûr naem it stik yn bitinken en soe der foar de folgjende ledegearkomste syn sin oer sizze. De boarstels wiene lykwols al safier oerein stean gien dat de rekkendei net lang mear wachtsje mocht. Foar 29 jannewaris 1921 waerd in bûtengewoane ledegearkomste útskreaun. Dêr soe it heve. Kalma hie ûndertusken it sin fan it Genoatskipsbistjûr der net better op makke mei yn ‘Frisia’ to skriuwen dat ‘yn it Friesch Genootschap de rotste tastânnen hearskje, sadet men de bidoarne regintetradysje fen de 18e ieu op in hier nei by hjar neisieten werom fynt’. Hy hie it yn syn stikje ek oer Martin, dy't op in ûnweardige wize bihannele wêze soe, en hy rôp op om it Genoatskip, ‘dat neffens syn ideéle wearde greate bitsjutting hat foar ús hiele striid en bihearske wirdt troch in adelik klykje, to suverjen fen syn ûngerjuchtichheden en to forheegjen ta in organysk ûnderdiel fen it geastlik Frysk libben’Ga naar eind160.. | |
[pagina 239]
| |
Neffens de moade fan de tiid kamen yn de tweintiger jierren en Sljucht en Rjucht en It Heitelân út mei tsjokke Krystnûmers (sa'n hûdert siden en in soad yllustraesjes yn kleur). *
De gearkoraste fan 29 jannewaris, dêr't de minsken ta de doar út stiene, wie taret mei in ynstjûrde needgjalp fan Boeles yn de Ljouwerter krante oer de bidrige wittenskip en in oproppingsbrief, dêr't fan Kalma c.s. har útstel neat hiel litten waerd en oer Kalma sels sein waerd dat fan ‘zijn wetenschappelijke prestaties te weinig vernomen (is)’. De Jongfriezen forlearen de slach oer alle boegen. Har útstel waerd mei greate mearheit forsmiten; mar dat wie biliven net alles. It bistjûr hie der forlet fan hwat werom to dwaen. Kalma woe reorganisaesje, wol nou, it bistjûr kaem mei eigen útstellen: gjin forkiezing mear fan nije leden op jounsgearkomsten en in kontribúsjeforheging. It earste útstel bidoelde de efterdoar ticht to dwaen dêr't de Mienskip stadichoan leden troch yn it Genoatskip krige; en it twadde moast de foardoar hwat minder fier iepen sette. It slimste wie dat by de diskusje diskear allinne de ‘Nederlandsche taal’ brûkt wurde mocht. Dat wie bisletten op útstel fan jhr. J.M. van Beyma, boargemaster fan Ljouwert, om't oars somliken ris hwat ûntkomme mocht. Kalma pleite forgees foar it bigjinsel fan de twataligens en krige letter noch in plomke foar syn Hollânsk. De kontra-reorganisaesje gyng fansels troch. De âlde geast hie it | |
[pagina 240]
| |
woun, mar it wie bard yn in rigoureuze regintestyl; en efternei is der genôch reden om to freegjen oft de oerwinning net al to great west hie. Wumkes hie der yn syn ôfskiedsrede yn 1919 foar pleite út it Genoatskip wei stadichoan in Fryske Akademy ûntstean to litten; mar it paed dêrhinne hat it Genoatskip yn dy jannewarisgearkomste, doe't it him sa ûnwrigber fêstlei yn it âlde spoar, wol foargoed damme. Heechtij wie it doedestiids in skoft by de Fryske tydskriften. Wol like it der bigjin 1920 even op dat ‘It Heitelân’ it net rêdde soe, om't de Mienskip de hannen der ôf loek; mar it die bliken dat Brandenburgh yn Snits ré wie it blêd oer to nimmen fan Alta. Mei in útwreide redaksje, dêr't nêst Sipma de Amsterdamske Friezen J. Winkelman en R.W. Canne sit yn hiene, hold dit wykblêd to'n earsten faesje. Yn maert fan datselde jier bigoun ek ‘Frisia’ as wykblêd út to kommen. En dan wie der fansels noch ‘Sljucht en Rjucht’, dat sa goed mooglik bûten de strideraesjes om stadich fuortpielde. Forskaet wie der genôch. ‘It Heitelân’ wie net sasear literair; men koe der ek politike skôgingen, polemiken, taelpraetsjes en fraechpetearen yn fine. ‘Frisia’ wie wol yn haedsaek literair en hie yn de earste jiergong in moai forskieden ynhâld. In man as Brolstna krige fiks syn gerak. Letter bigoun Kalma wol tige to oerhearskjen, binammen mei syn toanielwurk. De stream fan Jongfryske sonnetten en oare lyryk út de earste jierren wie hwat bilune. Yn ‘Sljucht en Rjucht’ libbe in hwat by de tiid oanpaste folksskriuwerij fierder, ek mei har moralistyske forskynsels: samler J. van der Tol wie in fûle ûnthâlder en in foarsichtige sosialist. Oan it krewearjen binammen fan Canne hat it to tankjen west dat nei hiel hwat redendielen en iggewearjen ‘It Heitelân’ fan 1922 ôf orgaen fan it Selskip-1844 waerd. De leden krigen mei yngong fan jannewaris fan dat jier elke wike dit blêd thús ynpleats fan ienris yn 'e moanne it meagere ‘Fryslân’. It foar taelstúdzje ornearre ‘Swanneblommen’ (sj. s. 227), dat faei stie, koe nou mei skik fordwine. Dizze hiele wichtige foroaring wie allinne mooglik troch in kontribúsjeforheging. Yn 1920 wie it it haedbistjûr einlings slagge de ynlage to bringen op trije goune en nou twa jier letter kaem der noch in goune by. Yn de redaksje fan ‘It Heitelân’ kamen foar it Selskip Sytstra en Hof; Canne en Winkelman bleauwen ek oan. Sipma loek him werom, in ding dat alles hwat makliker makke, hwant it Selskip en hy wiene noch altyd net rjocht formoedsoene en allyksa wie it âld skeel tusken him en Hof noch net folslein oersljochte. ‘It Heitelân’ like troch de bân mei it Selskip in moai hecht founemint krige to hawwen. Der wiene wer sa'n oardel tûzen leden en der siet noch wol hwat groede yn. It Selskip sels koe ek tinke der profyt fan to hawwen. Der wie yn elts gefal hwat in forskouwing fan aksint fan it kritewurk nei | |
[pagina 241]
| |
de skriften: lektuer en literatuer. Fansels koe it Selskip net sûnder de kriten, mar mei har (sub)kultuer fan smûkens en smoutens lieten dy har almeast net folle gelegen lizze oan de oare doelen fan it Selskip, binammen hwannear't dy jild kosten. Der wie nou in soarte fan kompromis ta stân kommen en der moast ôfwachte wurde hoe't it wurke. Dat it allegearre koe kaem troch de fleuriger tiden. Ekonomysk wiene de tweintiger jierren in tiid fan opgong. Foar de folsleinens moat yn 'e rige fan tydskriften ek ‘Yn ús Eigen Tael’ neamd wurde, mar dat wie net mear as in biskieden forieningsmoanneblêd, al stie der noch wol wurk yn fan Wumkes en út en troch ek fan Fedde Schurer en Inne de Jong. It stie fan 1921 ôf ûnder lieding fan A.M. Wybenga, om't ds. Huismans as redakteur bitanke hie. Slimmer wie dat hy tagelyk ek it foarsitterskip dellein hie. De strider fan de earste ûre wie ynienen wurch wurden en faeks ek hwat kel. Yn de algemiene gearkomste fan 1920 hied er him krêftich keard tsjin it radikalisme, dat him út Folkertsma syn ‘Tsjûgenis’ tomjitte kaem, om't er dêr in spjalting op tsjerklik, maetskiplik en polityk gebiet as konsekwinsje fan seach. Sa wie it Kristlik Selskip ynienen yn in krisis tolânne kommen. Huismans hie ds. Douwe van Dyk út Grins as syn opfolger neamd, mar op dy hie it Selskip daliks net folle smucht. It wie yndied in krisis, hwant mei Folkertsma as sintrale figuer ûntstie neigeraden in radikale en roerige opposysje. Yn Inne de Jong. Fedde Schurer en Gerben Brouwer hie Folkertsma maten foun dy't him weihellen út syn klûzenersbistean yn 'e Lytse Gaestmar, dêr't er ûnderwizer wieGa naar eind161.. Fan de spanningen komt yn ‘Yn ús Eigen Tael’ to'n earsten net folle ta utering; allinne yn de forslaggen is der hwat fan to fornimmen. Ds. Douwe van Dyk kaem pas yn 1922 as foarsitter yn funksje, neidat lang wachte wie op in mooglik dochs weromkommen fan Huismans. Yn datselde jier rekke er nei in ynlieding fan sines yn de algemiene gearkomste daliks yn tsjok waer mei Fedde Schurer, dy't ornearre dat neffens it stânpunt fan de foarsitter der foar Fryslân gjin oare takomst wie as de slachtbank. Doe't it fierdersoan wol bliken die dat it mei de bihâldende en konformistyske Van Dyk de dea yn de pot waerd by it Kristlik Selskip, smiet yn 1924 Folkertsma út de Lytse Gaestmar wei de bongel der yn mei in fûleinich stik yn ‘Yn ús Eigen Tael’, dêr't er yn ôfweefde mei it bistjûr fan it Selskip, Kamerling net útsletten: ûnder de mjitte yn bigjinsel en yn diedenGa naar eind162.. Der binne hjiroer yn de algemiene gearkomste fan dat jier hurde wurden fallen, ek oan it adres fan Wybenga, dy't it bistien hie it stik op to | |
[pagina 242]
| |
De ‘rebel’ Fedde Schurer, dy't yn 1925 skriuwer waerd fan it Kristlik Frysk Selskip en ek redaksjelid waerd fan Yn ús Eigen Tael. *
| |
[pagina 243]
| |
nimmen. Mar alle krityk koe net bihinderje dat Fedde Schurer keazen waerd as skriuwer yn it plak fan Kamerling, dy't hielendal net fuort wollen hie. Dat wie it bigjin fan in foroaring dy't ds. Sippe Wesbonk op it plak fan ds. Van Dyk brocht. De Frysk-nasionale rjochting hie it woun en stadichoan koe nou Folkertsma de lieding fan ‘Yn ús Eigen Tael’ oan him lûke. Yn dizze jierren bigoun him de tsjinstelling tusken it Frysk-nasionael stribjen en de biheinde rjochting fan it allinne taelwarjen dúdliker ôf to tekenjen. It kaem mei om't Folkertsma as man fan dy nasionale rjochting in hwat skerper profyl krige as Kalma. Jan Hof waerd mear en mear de theoretikus fan it Selskip-1844, dat him yn 1922 bistjûrslid makke hie. Folkertsma woe yn bigjinsel noch altyd alle libben yn Fryslân forfryskje, mar in man fan alles-of-neat wie hy dochs net mear. Hof hold fêst oan de opfetting dat it Frysk folkstael wie, mei alle mooglikheden fan literaire ûntjowing, mar sûnder pretinsjes op it offisiële mêd, dêr't it nei syn bitinken de slach tsjin de rykstael al lang forlern hie. En it Frysk as kultuertael seach hy in gat yn 'e kop, bang as er wie dat it yntellekt de folkstael forfoarmje en forbasterje soe. Syn stânpunt, respektabel as it like, koe dochs ek sjoen wurde as de wei fan de minste wjerstân en hie yn elts gefal neat om jonge herten yn fjûr to setten. Oan it Selskip-1844 joech it him fêstlizzen op in biskaet en biheind plak foar de Fryske tael in stimpel fan konservatisme en, yn de eagen fan de striidberder Fryske rounten, sels fan défaitisme. It bleau efter, it stie allinne, sûnder dêr sels bisleur oer to hawwen. Hwant it hie ommers noch altyd de measte leden fan alle Fryske forieningen en it die mei oan sa'n moai algemien tydskrift as ‘It Heitelân’. Syn ûnderwiiskommisje wie ek noch altyd de iennichste fan de Steaten stipe en winliken offisiële lesjower. Yn it plak fan de achtenearre en evenredige Van der Burg wie yn 1922 de biwittenskippe en ek evenredige dr. S. Cuperus, domeny to Lekkum, foarsitter wurden. En wiene der better Fryskkundige mannen to bitinken as Hof, Sytstra en Hornstra? Men mei it Selskip-1844 gjin ûnrjocht dwaen. Syn ûnderwiistaek fette it earnstich op. Jan Hof en Onno Sytstra hawwe har tige ward mei de lessen oan de learskoallen dêr't ûnderwizers oplaet waerden foar de Fryske akte. Sa'n learskoalle wie der net allinne yn Ljouwert, ek Frjentsjer en Burgum hawwe ien hawn. Fortsjinst siet der foar harren amper yn. Mei it ûnderwiis yn it algemien (hoewol noch altyd biskieden fan bistek) gyng it neigeraden safolle better dat de kosten to heech waerden foar it ûnderwiisfûns en de Selskipskas bypasse moast. Dingen as dizze hâlde in warskôging yn foar in al to iensidich oardiel. It efterbliuwen fan it âld | |
[pagina 244]
| |
Selskip kaem ta utering yn twa swakke stéen. It earste is it al earder neamde ûntbrekken fan in roerich stik jongerein yn syn formidden en dêrmei fan de oansluting oan nije idéen en idealen. It twadde wie it fêsthâlden oan forâldere liberale útgongspunten. Hwat it lêste punt oanbilanget, de stringe skieding tusken steat en maetskippij dy't de liberalen altyd makke hiene hie ek fiks it near lein op de mooglikheden en foarútsichten fan de Fryske striid. Foar Hof wie, lyk as wy sjoen hawwe, de Fryske striid binammen ien tsjin ûnforskilligens en sleauwens fan de Friezen sels. Mar neffens de Fryske militanten wiene dizze ûnforskilligens en sleauwens ek foargoed de frucht fan de twadderangs posysje dêr't it Frysk fan oerheitswegen yn holden waerd. Tael is net to min ek oerheitsynstrumint. Gelikensens fan tael wie ien fan de pylders fan de liberale ienheitsbiweging yn it Europa fan de 19de ieu. Fan minderheden waerd easke dat hja har dêryn skikten. Sa wie it ek mei Fryslân; en sadwaende wie de Fryske striid forgees of alteast slim ûnfolslein sûnder forset tsjin dizze efterútsetting. Dat ynsjoch is yn romme mjitte trochbrutsen yn en nei de earste wrâldoarloch. Ek as it net folle to meitsjen hie mei partijpolityk bitsjutte it dochs in ôfskie fan de neutraliteit, dêr't salang in stik liberale wrâldskôging him efter forskûle hie. Hwer moast it op ta? It hat Douwe Kalma west dy't sûnder it daliks sa dúdlik foar de geast to hawwen, de formule foun doe't er yn dy ûngelokkige gearkomste fan it Frysk Genoatskip, dêr't it brûken fan de ‘Nederlandsche’ tael yn forplichte waerd, it bigjinsel fan de twataligens fordigene. Nou wie twataligens yn it Frysk Genoatskip fansels net itselde as yn it hiele maetskiplik en amtlik libben. De tiid om twataligens to sjen yn sa rom forbân wie noch net kommen. Foarearst bleau de kleau bistean tusken de yntegralisten, Folkertsma en Wendelaar Bonga faeks noch mear as Douwe Kalma, en de bihâldende kloft fan it Selskip-1844. Undertusken kamen in pear nijsgjirriige ûntjowingen op gong. De earste wie it foarsichtich binnendrippen fan Jongfriezen yn it Selskip-1844. Kalma sels en inkelden fan syn neiste meiwurkers joegen har op as leden (sahwat healwei 1924). It wie harren der fansels net om to dwaen yn dit formidden in swijende rol to spyljen; mar de omstannichheden wiene dochs hiel oars as by de ynfiltraesje yn it Genoatskip fjouwer jier earder. De kwestje wie gewoan dat it mei de Jongfryske Mienskip sa goed net mear gyng. Al yn 1923 hie hja mei al har kriten yn en bûten Fryslân en har ynstituten en departeminten noch gjin twahûndert leden mear. ‘Frisia’ wie al bigjin 1922 opholden wykblêd to wêzen; en as moanneblêd wie it net mear it orgaen fan de Mienskip, mar in útjefte fan de Fryske Bibleteek. Fan dizze Fryske Bibleteek, as Jongfrysk ynstitút yn | |
[pagina 245]
| |
In propagandablêd út 1938 fan De Fryske Bibleleek. dy't doe in ynstelling fan bitsjutting wurden wie mei in list fan 46 boeken fan alderhanne soarte en acht lytsere útjeften yn de Frisia-rige. *
oarsprong in soarte needforbân, moat wol even sein wurde dat it stadichoan dochs in foarm foun hat, gaedlik om ek bûten de eigen rounte leden to winnen. It gyng der om goede Fryske boeken ûnder de minsken to bringen, en dat is nei forrin fan tiid yn romme mjitte slagge. Mar yn de Mienskip sels bistiene spanningen, ek yn de aktive kearn. Wol wie noch altyd in keppel ré om Kalma blynseach op al syn wegen to folgjen; mar dêrbûten hie mannichien it langer net mear sa op 'e lieder stean. Ek fan dy kant kaem hwat oanrin by it âld Selskip. De oare ûntjowing wie in nij bisykjen om ta hwat mear ienheit to kommen. De oprop dêrta gyng út fan de fjouwer opperteurs yn it Kristlik Selskip - Eeltsje Folkertsma, Gerben Brouwer, Inne de Jong en Fedde Schurer - op deselde dei dat lêstneamde keazen wie as skriuwer fan it Selskip: Pinkster-twa 1924. De Mienskip takke ôf neffens de oprop, it Kristlik Selskip saeide ôf, it Roomsk Frysk Boun wie op stjerren nei dea en it â1d Selskip bleau fêstsitten yn konservatisme. Dêr wie net folle tsjin yn to bringen. De Mienskip bitsjûge al gau har réens om mei to dwaen. Sa is it forboun fan de Upstalbeam ûntstien dat him oanpresintearre as it | |
[pagina 246]
| |
formidden dat alle striidbere Friezen gearbringe woe. It wie in sprong wei út efterútgong en bilúnjende geastdrift. It Selskip-1844 die fansels net mei en yn ‘It Heitelân’ is mei it nij forboun wakker de spot slein. Dochs wie der ûnderskie yn de stimmen fan oan de iene kant Hof en Sytstra en oan de oare kant Canne en Winkelman. By de lêstneamden wie in ûndertoan fan ûnnoflikens to fornimmen oer eigen tokoartkommen. Folkertsma hat nea foaroanstien yn de Upstalbeam. Dêrfoar libbe by him de antithese noch to krêftich; mar it nut fan dit forboun hat hy tige goed sjoen. Hy fielde him lykwols better yn syn wêzen yn it Kristlik Frysk Striidboun, dat hy op deselde Pinkstermoandei mei syn trije maten stifte hie en dat in jiermannich tsjinst dien hat as in soarte fan militante efterrieGa naar eind163.. De Upstalbeam hat net foarbiskikt west om lang to libjen, mar yn in tiid fan oergong hat hy in nuttige forbinende funksje hawn. Yn dit forboun hawwe frijsinnich (dat syn liberale substânsje fierhinne kwyt wie: de Mienskip neamde har langer sosialistysk) en rjochtsinnich (dat net mear per definysje oan de greate kristlike partijen fêstsiet) mekoarren foun op in mienskiplik program, oer âld skeel en misbigryp hinne. Fan hwat de Upstalbeam woe sweve winlik allinne it programpunt dat útlein wurde koe as it stribjen om de Fryske stamme op 'en nij to forienjen hwat boppe de wurklikheit. Fierders wie it program binammen kultureel en moai praktysk, mei de klam op de striid foar de taelrjochten en it ûnderwiis. It wie ek oer it ûnderwiis dat de Upstalbeam al gau yn tsjok waer rekke met it Selskip-1844 dat út noch yn syn monopoalje op dit mêd net priisjaen woe. Mei de forklearring dat it ûnderwiis in saek wie fan de hiele biweging en net fan it âld Selskip allinne hat de Upstalbeam doe de Algemiene Fryske Underwiiskommisje (AFUK) stifte, dy't har sawol it jaen fan ûnderwiis as it oplieden en eksaminearjen foar de Fryske ûnderwiisakte ta doel stelde. Hoe tige it tinken wie, docht wol bliken út it feit dat it Kristlik Selskip syn beide fortsjinwurdigers út de ûnderwiiskommisje fan it âld Selskip weromloek en har in plak joech yn de AFUK: A. de Vries en S.E. Wendelaar Bonga. De Mienskip bineamde Kalma en S.R. Sipma, de Upstalbeam sels H.S. van Houten. It Selskip-1844 koe dizze nije ûnderwiiskommisje net oars sjen as in ‘bisûndere’ nêst har eigen ‘algemiene’. Noch altyd hiene de Selskipsmannen gjin aen fan har isolemint, al wie der koart tofoaren oars in dúdlike warskôging kommen út de Steateseal. It hie nammentlik neat skeeld of de heal tûzen goune subsydzje wie skrast: sahwat konfessioneel tsjin frijsinnich, mei as rêdders trije roomsken dy't de kristlike koalysje út de panne sprongen. It soe fan soun bitinken tsjûge hawwe as it Selskip | |
[pagina 247]
| |
List fan diplomearre learkrêften út it earste jierforslach fan de earste AFUK, doe't dy it opliedings- en eksamenwurk fan de Underwiiskommisje fan it Selskip-1844 winlik al oernomen hie. Oan de twadde AFUK (fan 1928) die ek dit Selskip mei. *
neitiid mei help fan de Upstalbeam de saek fan it ûnderwiis op in bredere grounslach setten hie. Mar dêr kaem neat fan; it waerd tsierderij, hwerby't op 't lêst de hâlding fan it Selskip sa likernôch wie dat de konkurrint dan mar ris sjen litte moast hwat er koe. Dat hat er dien: al fan 1925 ôf binne alle eksamens foar de Fryske ûnderwiisakte ôfnommen troch de AFUK. Fierderop sil forteld wurde hoe't in nije AFUK nei trije jier dochs noch in ynstitút waerd fan alle selskippen. Hoe soe Sipke Huismans foar dizze nije ûntjowing oer stien hawwe? Doe't de foroaring him oankundige, wie hy al hast in leginde wurden, al libbe hy noch al. It wie yn syn geast, soe men sizze; mar it is alhielendal net wis dat hy der tige wiis mei west hat. Radikael en nasionael wie hy grif; mar hy wie dochs ek in man fan de doleânsje en fan de antithese: ien dy't wol graech, mar altyd mei distânsje en foarbihâld, oparbeidzje woe mei oaren. Yn july 1924 stoar hy nei in lang gammeljen. Him komt yn elk gefal de eare ta dat hy tsjin alle wjerstân yn de eigen rounte en mei opoffering fan in stik rêst en wissichheit fan bistean it rjocht en it plak fan it Frysk op alle libbensgebieten krêftich fordigene hat. Hy hat it west dy't | |
[pagina 248]
| |
it rjochtsinnige diel fan de Friezen yn de Fryske biweging bihelle hat, mei in krêftich birop op it bigjinsel. En dochs hat it wol sa west dat, mei alle earbied en forearing, it Kristlik Selskip him ek it bytsje fan dizze pionier emansipearje moatten hat om de gong der yn to hâlden. It âld Selskip joech yn 1925 de ‘Nieuwe Friesche Spraakkunst’ fan Onno Sytstra en Jan Hof út. It hie in hwat foroare twadde printinge fan it boekje fan mr. Ph. van Blom wurde sillen, mar binammen Hof hat makke dat it hwat betten waerd; hy hat ek de gearstaller west fan de idiomatyske wurdlist efteryn. Yn it stadich greater wurden rychje fan learmiddels foar it Frysk ûnderwiis hat it lang in heech plak hawn. |