Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 221]
| |
Foroare forhâldingenDe ein fan de oarloch en in nije geast - ‘It Heitelân’, in wykblêd der by - Jongfryske Mienskip op hichtepunt en der oerhinne - Stil jubileum fan it Selskip-1844 - De learskoalle en it bisykjen mei in Utjefteboun - De ûnderwiisadressen - Unienige aksje foar it professoraet; it bitankjen fan Siebs - Folkertsma syn stim út de iensumens.Yn syn lêste Fryske kronyk fan it jier 1918 skreau Douwe Kalma: ‘Fryslân dielde dit jier yn de winst fen hiel de wrâld: de ûntkrêfting fan de Dútske rôfpolityk’. Hy hie it oer de Dútske hydra dy't syn tentakels lein hie om Elzas-Lotharingen, Noardsleeswyk en sûnt 1914 België. ‘Wy fiele de oerwinning dy't de wrâld op Dútsklân bifocht as uzes’Ga naar eind142.. En in pear moanne letter rjochte er him mei in oprop ta de Noardfriezen dy't faeks wer ûnder Deensk biwâld komme soene, hwat him al sa goed talike. ‘Fryslân is forriisd, Dútsklân is fallen’. Mar Deensk of Dútsk, ‘Jimme Fryske ropping ferget fen Jim, war to dwaen det Jim as Friezen heard wurde’Ga naar eind143.. Ut it winterkongres fan de Jongfryske Mienskip gyng in byfalstelegram nei presidint Wilson fan Amearika fanwegen dy syn ‘heech-idealistyk’ plan foar de oprjochting fan in wrâldboun fan folken. De oarloch wie út en Europa wie foroare. Dútsklân bistie noch, mar it Habsburchske keizerryk wie weifage yn 'e stoarm en syn groungebiet forkrommele. Poalen riisde nei lange jierren wer oerein en yn Ruslân hiene de bolsjewiki de macht grypt. De revolusionaire foroaringen joegen ek in twirre ôf oer Nederlân. Mei nasionaliteitekwestjes hie dat lykwols neat út to stean. Dat Troelstra der de man fan wie is him fan al folle kanten tige kwea-ôf nommen en hat ek yn it heitelân syn oansjen der net greater op makke. Mar it hat dochs wol syn emosioneel Frysk aerd west dat him hwat ealgje liet fan al it nije en al it oare. Douwe Kalma en syn Jongfriezen hawwe it op har wize field. Fryske nasionalisten hiene der wol earder west, binammen yn it Genoatskip fan de 19de ieu. Mar dat wiene ienlingen. Nei de earste wrâldoarloch wie it nasionalisme in rjochting yn Fryslân, in moai brede stream. It is bikend dat bisteklike minsken net gunstich pliigje to tinken oer nasionalisme. It Selskip-1844 die der dan ek net oan mei. Mar nasionalisme is der tige yn soarten. Dêr't it tsjinnet om foar in aparte kultuermienskip binnen de grinzen fan in greater steatsforbân in eigen bistean to bistribjen, kin der in sterkjende en forrykjende ynfloed fan | |
[pagina 222]
| |
útgean, gunstich ek foar de steat yn syn gehiel. Yn Nederlân hat it geastlik klimaet hiel lang net sa west dat dit maklik bigrepen waerd. De ien-en-ûndielberens sûnt de Frânske tiid en net to min ek it swiere gewicht fan in koloniael ryk wiene dingen dy't mar min romte lieten foar de erkenning fan oare rjochten as dy, passend by de eask fan it hanthavenjen fan in sintrael biwâld. Ekstreme foarmen hat it Frysk nasionalisme nammers nea oannommen, ek net by de Jongfriezen. As men sjocht hwat fûleinich nasionalisme hjir en dêr toweibrocht hat, dan krije somlike uteringen fan Kalma, Sipma en Folkertsma, dêr't Hof en oaren sa huverjend de finger op leine, ynienen net mear as in romantysk-ûnskuldige bitsjutting. Fryslân is nou ienkear net in lân fan utersten. De substânsje fan it polityk nasionalisme yn it Fryslân fan 1918 en dêrnei is ûnklear en wakker ûngelyk. Ut Kalma syn earste skriften soe opmakke wurde kinne dat hy foar Fryslân tocht oan selsstannichheit of in oar polityk forbân as it Nederlânske. Mar syn idéen binne nea dúdlik út de ferve kommen; en allikemin is it klear hwat him foar eagen stie mei syn oproppen oan de Noardfriezen. Yn it jannewaris-nûmer fan ‘Frisia’ 1919 bipleitet er ‘desintralisaesje op 'e provinsjes’. Dat wie in idé dy't Folkertsma letter op skerpere en mear konkrete wize op it aljemint bringe soe. By it Kristlik Selskip hat it bihearren ta de Nederlânske steat nea yn 'e kiif stien. Mar Huismans en Wumkes wiene wol fan bitinken dat oan de forfrysking dêr't hja op út woene. it ryksregear fiks hearde mei to wurkjen. It komt hjir wol op del dat it Frysk nasionalisme yn syn politike aspekten winlik nea mear west hat as in sykjen nei federale mooglikheden. Mar ienriedich woe it it sterkjen fan Fryslân as kultuermienskip. De sichtbere en foar elkenien to bigripen kleau tusken âlde en nije styl lei yn it stânpunt oangeande it bûken en de brûkberens fan it Frysk as tael ek fan it offisium. De Clercq neamde it Frysk in ‘secondaire’ tael dy't neffens syn al oanhelle wurden net thúshearde yn it provinsjehûs en de sted- en gemeentehuzen. Jan Hof achte it Frysk wol gaedlik foar de heechste literaire uteringen, mar net foar offisieel gebrûk. Foar Kalma en Folkertsma, mar ek foar Huismans en Wumkes, wie yn bigjinsel neat offisieels to hillich foar forfrysking. Dêrnêst wie der fansels it Jongfrysk stribjen nei literaire emansipaesje: it bringen fan de Fryske skriften op wrâldnivo. De Jongfryske Mienskip wie yn de oanfal yn de lêste oarlochsjierren en de tiid dêrnei. It hie der folle fan dat it der mei yngong fan maert 1919 nêst it moanneblêd ‘Frisia’ in wykblêd bykrige. Doe bigoun ‘It Heitelân’ to forskinen. Redakteur wie Sipma, útjower D.Y. Alta to Ljouwert. | |
[pagina 223]
| |
Sipma, ek foarsitter fan de Mienskip, makke dat dy har efter ‘It Heitelân’ stelde (û.o. troch in kombinearre abonnemint op ‘Frisia’ en ‘It Heitelân’) mar socht tagelyk foar it wykblêd in rommer formule as allinne dy fan in Mienskipsorgaen. Hy bisocht rounom meiwurkers wei to krijen; sa hat er Wumkes krige ta it skriuwen fan syn greate rige ‘Bodders yn de Fryske Striid’, dy't letter ek yn boekfoarm útkommen is. ‘It Heitelân’ hat de frucht west fan it nei-oarlochsk optimisme. It hat neitiid de tsjinstuiten hawn dêr't gjin Frysk tiidwurkje oan ûntkomt; mar alle aventûren hawwe dochs net bihinderje kinnen dat it lange jierren fuortbistien hat. Net lykwols as blêd fan de Jongfriezen. Dochs koe yn it earstoan ‘It Heitelân’ sjoen wurde as in blyk fan hwat de Jongfryske Mienskip nei de oarloch allegearre koe en die. It wie in tiid fol aksje. Douwe Kalma kaem ûnder tsjinst wei en gyng daliks net wer oan 'e stúdzje. De kranten fan dy tiid steane fol forslaggen fan jounen mei Jongfryske sprekkers en foardragers en sang fan it Jongfrysk Sjongkoar. Fan greate bitsjutting hat west dat de Mienskip in eigen sit krige (to Huzum, earst yn 'e Nije Skrâns, letter yn 'e Riedhússtrjitte). It Mienskipshûs hat lange jierren in sintrum west fan Fryske aksje, ek doe't de Mienskip syn liedende posysje al fierhinne kwyt wie. Yn dy nei-oarlochske snuorje like Kalma sahwat de man dêr't Waling Dykstra by de bitinking fan it gouden jubileum fan it Selskip-1844 om frege hie, ien dy't wer libben bloes ‘ûnder de dôve skrinkels yn 'e bientsjekou’. Kalma wie de Mienskip en de Mienskip wie Kalma. Hysels is der yn syn ‘Koarte ynlieding ta J.J. Hof's Fjirtich jier taelstriid’Ga naar eind144. rjocht foar útkommen dat de Jongfryske Mienskip neffens har ûntstean autokratysk wie en dat bleaun is oan de oprjochting fan De Upstalbeam ta. It hat in sterk punt west salang't de nije idéen troch de muorre fan âldfrinzigens en bangens hinnebrekke moasten. It waerd in swak punt neigeraden dat de emansipearre jonge minsken har eigen wegen gean koene en der gjin nocht oan hiene har langer fan Kalma bimasterje to litten. Foar in einoardiel oer Douwe Kalma is ek in fearnsieu nei syn dea de tiid noch amper ryp. Hy hat stien yn folle jûchhei en folle konflikt. Hwa't syn polemyske skriften hjoed de dei lêst, fielt faeks mear noch as party lju yn syn greate tiid argewaesje opkommen oer syn selsforhearliking en syn fakentiden just net himmele argumintaesje. It feit dat dizze hearskersnatuer froulju wol achtsje mar net leavje koe, hat mannich lyts drama ta gefolch hawn, hwat yn it gefal fan Simke Kloosterman noch wol in hwat to sobere omskriuwing is. Mar men moat dochs ris lêze hwat Fedde Schurer skreau doe't Kalma yn 1953 sa hommels oan syn ein kommen wie. ‘De Jongfryske biweging wie der omdat Kalma har rôp, de | |
[pagina 224]
| |
literatuerfornijing wie in feit omdat hy it konstatearre en wêzene. Kalma syn skôging op de Fryske striid sawol as op 'e literatuer mocht yn gâns opsichten ûnkrekt en sels ûnrjochtfeardich wêze, hja wie stikken greater as dy fan it laech dat him foargong. Derôm woun hy, al forlear hy op alle fronten’Ga naar eind145.. Sa'n stikje is nuttich om't it in ljochtsje smyt op hwat yn Hof syn tsjokke dielen winlik yn it tsjuster bliuwt. De man mei syn ‘demonysk’ aerd (Hof) hat yn elts gefal sines der ta dien de Selskipsminsken wach to hâlden en har to prikeljen ta aksjes, dêr't hja faeks oars net ta kommen wiene. En der is wol reden om to freegjen hoe't de nije biweging der komme kinnen hie as net earst in Kalma sa ‘demonysk’ de bongel smiten hie yn it guodlik folkloristysk gedoeh fan de âlde, gybje as dy die op in faei liberael erfskip. Histoarysk sjoen hoecht der ek net treurd to wurden oer de fijânskip tusken Kalma en Hof en yn it algemien de rûzje tusken de jonge en de âlde generaesje. It kin wêze dat binammen mannen as Onno Sytstra en Sjirk van der Burg derûnder lit hawwe en better fortsjinne hiene, mar dat foroaret der neat oan dat it foar in fikse rûzje de heechste tiid wie. Yn de tinkskriften fan Jan Hof is in brief opnommen fan Troelstra oan sines, dêr't er as syn bitinken yn jowt dat de oarsaek fan it ‘gekreau yn ús Fryske lettertún ... lei ... by de sloppens en it conservatisme fen 'e officieele Selskipslieding en yn de earnst en de sucht nei steviger propaganda for 't frysk by de jongerein. Yn 'e bysaken ha jimme gelyk; yn 'e haedsaek ha de jongeren gelyk’Ga naar eind146.. Hof biklaut dat fansels sa, dat it krekt oarsom is. Hy kin der nou ienkear min ta komme dingen ta to jaen dy't winlik hearre ta de biwiisstikken by de akte fan forstjer dy't er sels útskreaun hat. Troelstra hie it moai aerdich by it rjochte ein. Efternei wurdt it Jongfrysk forskynsel ek noch wol dúdliker as it sjoen wurdt yn it rommer forbân fan de rounom nei de earste wrâldoarloch ûntsteande selsstannige jeugdbiweging, selsstannich dan foar de âlderein oer en dêrmei libjend yn in forhâlding fan spanning en ek wol striid. Fansels bliuwt it wier dat de striidforhâlding yn Fryslân mei biskaet is troch it aerd en de aspiraesjes fan de jongeman dy't Douwe Kalma hjitte. By de Jongfryske biweging moatte lykwols twa dingen goed ûnderskieden wurde: de organisaesje en it aspekt fan de nasionael-kulturele opwekking. De Jongfryske Mienskip hat nea net tige great en hecht west. Yn 'e bigjintiid bistie hja allinne út in lyts tal fan Kalma útnoege jonge minsken en in foech hûndert stipers. Hwat letter ûntstie it al neamde Boun fan Jongfryske Selskippen, in stikje hwat ûndúdlike jeugdbiweging dêr't de leden fan, al of net yn klubkes foriene, sahwat as aspiranten | |
[pagina 225]
| |
Jubileumboekje fan it Selskip Rjucht en Sjucht yn Den Haech út 1919. It feest waerd fierd mei in sjongkriich, in revu en in kunstútstalling. Yn it earekomité sieten û.o. boargemaster mr. J.A.N. Patijn (earder to Ljouwert), Piter Jelles, Pyt van der Hem en in baron van Heemstra, âld-boargemaster fan Harns. *
gouwen. Dat boun hat in skoftsje in eigen orgaen (‘Jong Fryslân’) hawn en de leden koene ‘Frisia’ krije foar heal jild. Fan ein 1918 ôf koe elk dy't dat woe lid fan de Mienskip wurde. It ledetal woeks doe fiks oan en kaem yn 'e rin fan 1919 op sa'n sawnhûndert. Dêrmei sette it ek syn floedmerk en boppe dat hold it Boun fan Jongfryske Selskippen op to bistean. De Jongfryske idé lykwols omfieme folle greater rounte. Party minsken, dy't gjin lid of gjin lid mear fan de Mienskip wiene, neamden harsels dochs mei oertsjûging jongfrysk. Wumkes bygelyks die it en ek Folkertsma, doe't hy al lang de Mienskip de rêch takeard hie. Yn de Mienskip bigoun it noch yn datselde jier 1919 omraek to spannen. Alderearst staple it kalvinistysk diel fan de kearn (A.M. Wybenga, M.S.E. Visser en E.B. Folkertsma) op fanwegen prinsipieel skeel mei Kalma. It heakke op 'e karbrieven hwerfan it iene it oare jage. It gyng dêrby binammen om de koerts fan de Mienskip dy't de rjochtsinnige protestanten in kalvinistyske riis jaen woene, wylst Kalma en syn neiste | |
[pagina 226]
| |
maten de klam leine op it kulturele, faeks al mei in lyts slachje de sosialistyske kant út. It wie mar in foech keppeltsje dat der út gyng, mar wol fan in hege kwaliteit. Der kaem ek oare strideraesje. De Peaskegearkomste fan de Mienskip yn 1919 like, neffens in iroanysk forslachje yn ‘Sljucht en Rjucht’Ga naar eind147., in spultsje fan Skieringers en Fetkeapers. It die dêr bliken dat it net mear striek tusken Kalma en Sipma. Neffens Kalma hie Sipma nea de rjochte lieder west. It greate striidpunt yn dy gearkomste hat west it meidwaen fan de Mienskip oan ‘It Heitelân’, in kwestje dy't foar in part bûten Kalma - doe noch yn tsjinst - om regele skynt to wêzen. Kalma woe fan it akkoart ôf. Hy hat it doe lykwols forspile tsjin de sawn oare bistjûrsleden dy't mei ôfgean drigen. De Mienskip in foriening as alle oare: it hat in skoftsje sa like, mar lang hat it net duorre. Al moai gau fornijde it Mienskipsnijs yn ‘It Heitelân’Ga naar eind148. dat P. Sipma, Sj. de Zee en G. Zeldenrust bitanke hiene as bistjûrsleden. Der wie in tydlik haedbistjûr oanwiisd mei as leden M. Castelein, juffer S. Kloosterman, D. Kalma, R.P. Sybesma, A. de Vries, J.P. Wiersma en W. Th. Zwart. Wouter Zwart is letter foarsitter wurden, in funksje dy't fierdersoan allinne ‘represintatyf’ wêze soe. Skriuwer waerd J.P. Wiersma. Kalma bleau samler, mar winlik krige er de leije fêst yn hannen en hat er dy holden oant yn de tritiger jierren. It soe nou foargoed wêze. De Mienskip krige in greate opset mei trije departeminten, ien foar folksûntjouwing, ien foar folksforhâldingen en ien foar kunst. It departemint fan kunst hie wer kommisjes foar skriftekennisse (foarsitter D. Kalma), toaniel en deklamaesje (foarsitter mefrou Quarles van Ufford-Buma), muzyk en sjongkunst (foarsitter J.P. Wiersma) en boukunst. Lêstneamde kommisje moast doe noch bimanne wurde. ‘Frisia’ soe in wykblêd wurde. By dizze wiidfiemende foarnimmens like it Selskip-1844 yn dwaen en stribjen efterlik en ûnbitsjuttend. It stie dúdlik yn de fordigening, mar it hie dochs wol in pear sterke punten: it ûnderwiis dat it mei provinsiale stipe ûnder syn biwâld hie en it ledetal dat yn 1919 wer even moai oanwoeks. Fan it ûnderwiis sil fierderop mear sein wurde. Hwat it ledetal oanbilanget, dêr komt hwat yn ta utering fan it wer op gong reitsjen fan it forieningslibben nei de mobilisaesje. Foar it greatste part wie it âld Selskip in samling fan gesellichheitsforieningen dy't kriten hjitten en dy't wer fiks oan de slach koene. It Selskip forlear yn 1919 syn bistjûrslid De Clercq, dy't nei Zeist forfear. Hy hat net as in tige tofreden man syn mânsk hûs yn Feanwâlden forlitten. Hy hie in proses forlern dat hy in skoft lyn oanspand hie tsjin Wumkes op groun fan smaed, him sa't er miende oandien yn de korres- | |
[pagina 227]
| |
pondinsje oer de stikken bibeloersetting fan sines en G. Postma dy't in skoft yn ‘Yn ús Eigen Tael’ forskynd wieneGa naar eind149.. Hielendal dúdlik is it gefal net; mar wol is dúdlik dat de patriarchale De Clercq yn syn heechheit gauwer as oaren ré wie himsels misledige to achtsjen. Yn it âld Selskip is hy altyd my tige earbied bijegene, hwat ek kaem om't er wolris mei in dofke byspringe woe yn de need. Op ûnderwiisgebiet hat hy in pionier west, mar ek in opkearder doe't de tiid ryp waerd om de swetten hwat út to lizzen. De skerpere koerts fan de biweging nei de mobilisaesje wie alhielendal net yn syn geast en hat der faeks ek ta bydroegen dat hy syn nocht der hwat ôf hie. Der kaem by dat de bilesting him hjir to heech waerd. Yn de skiednis fan de Fryske biweging bliuwt hy in ûngewoane forskining dy't posthúm noch wol in lyts eare-salút fortsjinnet. Yn 1919 hie it Selskip-1844 trije fearnsieu bistien. It hold op 27 augustus in bitinkingsgearkomste yn de Harmony to Ljouwert, dêr't noch minder fjûr út sloech as út de bitinking fan 1899 mei Waling Dykstra syn litany fan ûndergongsforskynsels. Foarsitter Van der Burg is fan folle kanten priizge as rêstich, kundich, minlik en bisteklik; mar as propagandist hat hy der nea net folle fan makke. Ek net op dy Ljouwerter bitinkingsdei, hoe goed it oersjoeh fan de Selskipsskiednis ek wie dat hy de gearkomste bea. It koe de oanwêzigen ek net kwea-ôf nommen wurde dat hja mei mear nocht seagen nei Schuitmaker syn revue ‘Fryske Trou’, in stik folkloristysk fakmanswurk. Fleurich, mei sang en oanklaeijing, wie it mear âld Fryslân as nij Fryslân en tige fier ôf fan it Jongfrysk ideael fan persoanlike kunst. Nou hat it Selskip-1844 yn 1919 noch wol hwat mear dien as it bitinken fan syn jubileum. Yn dat jier is it tiidwurkje ‘Swanneblommen’ wer bigoun to forskinen, mar diskear as taelwittenskiplik orgaen en útkommend om 'e twa moanne. Foar dit doel wie, út it Selskip, in Utjefteboun stifte mei yn it bistjûr minsken as notaris A. Bonga to Amsterdam en dokter F.S. Hoekstra to Baerd. Leden koene wurde dejingen dy't der in ryksdaelder yn it jier foar oer hiene, boppe de Selskipsynlage. Winlik like it in nijsgjirrige skoat om mei in ombocht hinne to kommen oer de fan de kriten sa stiif fordigene en swier biwekke ryksdaeldergrins dy't it haedbistjûr lange jierren alle earmslach binommen hie. Yn de redaksje kamen Canne, dr. S. Cuperus, De Clercq syn opfolger yn it haedbistjûr (hy wie domeny yn Lekkum), Sytstra en Hof. Yn in lange ‘Oanrin’ hat Hof útinoar set dat it der om gyng wittenskip en folksaerdigens mei mekoarren to forbinen. It wie in polemysk stik: in stribjen nei kennis en bihâld fan de folkstael waerd hjir steld foar it yntellektualistysk dwaen oer fan mannen dy't net út it folk wiene of der net | |
[pagina 228]
| |
ûnder forkeard hiene. Sûnder mis hat dit ‘Swanneblommen’ ek bidoeld west om fan Selskipswegen hwat werom to winnen fan it oansjen dat forlern gien wie troch de Jongfryske propaganda. It doel wie pryslik, mar it Utjefteboun en ‘Swanneblommen’ hawwe mar in jiermannich bistien. Oan de ynhâld hat it net lein; der wiene allinne to min minsken út it folk dy't der in ryksdaelder foar oer hiene. It Selskip hat fierder yn 'e hjerst fan 1919 to Ljouwert in learskoalle iepene foar ûnderwizers dy't de Fryske akte helje woene. Lesjowers wiene Hof (tael) en Sytstra (literatuer). Der wiene 28 meidoggers. Op it mêd fan it ûnderwiis wiene der noch hiel hwat mear aksjes. It wie it Kristlik Selskip dat yn it bigjin fan 1919 yn in adres oan it regear twa dingen frege om op to nimmen yn de op priemmen steande nije wet op it leger ûnderwiis: foarst om de learlingen fan kweek- en normaelskoallen by it fak Nederlânsk ek de haedregels fan de foarnaemste goaspraken by to bringen en twad om op legere skoallen op plakken dêr't goaspraken yn libben gebrûk wiene, foar dy spraken nêst it Nederlânsk in biskieden mar fêst plak yn to romjen. Dat Hof, troch syn kontakten mei Huismans, ek de hân hawn hat yn dit adres lyk as hy seit yn syn tinkskriftenGa naar eind150., is wol oannimlik. Hy hat it adres letter yn it Ljouwerter Nijsblêd fordigeneGa naar eind151. mei it argumint, dat der gjin prinsipieel forskil wie tusken tael en dialekt en dat it taktysk ûnforstannich wie foar it Frysk in útsûnderingsposysje to freegjen. It wie dúdlik genôch dat it yn it adres binammen om it Frysk gyng. Dat it Selskip-1844 net adressearre hat, hat neffens Hof oan De Clercq lein; dy wie der op tsjin ‘en yn ûnderwiissaken wie De Clercq syn wurd wet’Ga naar eind152.. Net biwiisber, mar wol oannimlik is dat der ek politike tsjinnichheit west hat by it foar in part út masters fan iepenbiere skoallen bisteand haedbistjûr om oan to klopjen by it kristlik biwâld, dat stal jaen moast oan de ûnderwiispasifikaesje. Boppedat hechte it haedbistjûr tige oan it ûnderwiismonopoalje fan it Selskip, binammen nou't it mei it ûnderwiis bûten de skoalûren wer hwat better gyng, al koe it noch altyd gjin sprekken lije. De lieding fan de Jongfryske Mienskip liket it adres fan it Kristlik Selskip hwat oer it mad kommen to wêzen. De Mienskip hie it nei alle gedachten to drok hawn mei oare dingen om sels de foarstap to nimmen. Der is doe mei gauwens in eigen adres nei Den Haech gien, meistimmend wol mei it stik fan it Kristlik Selskip mar net ynsafier't it Frysk biflapt waerd ûnder de goaspraken. ‘Elke poging de rechten en belangen der Friesche taal te rangschikken onder die der gouwspraken of dialecten moet worden gekenschetst als onvereenigbaar met de zelfstandige en | |
[pagina 229]
| |
uitzonderlijke positie van de Friesche taal’. En fierder: ‘Een pacificatie welke niet de positie der Friesche taal op de lagere scholen zoude regelen, ware onvolledig’Ga naar eind153.. It Kristlik Selskip hat op syn earste adres in twadde folgje litten, hwat mear emosioneel en hwat minder saeklik, dat ek oan 'e keninginne stjûrd is. Minister De Visser like net ôfwizend to stean tsjin hwat Frysk ûnderwiis yn de gewoane skoalletiid en hat him hjiroer sawol mounling as skriftlik foarljochtsje litten, ek troch minsken út it âld Selskip. Dochs is der ynearsten neat fan op 'e hispel kommen. Doe't lykwols folle letter minister Slotemaker de Bruïne foarsichtich de mooglikheit fan hwat Frysk skoalûnderwiis iepene, hat hy dat dien yn sa likernôch deselde wurden as it Kristlik Selskip brûkt hie yn syn earste adres. It ûnderwiis hie ek op oare wize tige omtinken yn dy snuorje. In Fryske stúdzjeklub to Grins, oprjochte yn it bigjin fan 1919, bigoun mei in skriftlike kursus Frysk foar folwoeksenen. It is dizze kursus dy't al gau oernommen is troch it Ynstitút foar Folksûntjowing, in ûnderôfdieling fan de Jongfryske Mienskip. Lesjowers wiene G. Piekema en H. van der Schaaf. Ut de dielnimmerslistGa naar eind154. docht bliken dat der sa'n hûnderttachtich meidoggers west hawwe. Der steane bikende nammen by as dr. Titus Brandsma, Fedde Schurer (en frou), mefrou Quarles van Ufford-Buma, K.A. Rienks en A. Sevenster. It Ynstitút foar Folksûntjowing, dat opset wie yn 1919 mei it jild fan in lotterij (ûnder lieding fan Sjouke de Zee), hat in skoft tige aktyf west. It joech ek op forskate plakken yn Fryslân kursussen yn Fryske skiednis en skriftekennisse. Dat Jan Hof yn de lêste oarlochsjierren bigoun wie op eigen manneboet Fryske les to jaen oan ‘grutte minsken’, to Ljouwert en to BerltsumGa naar eind155., moat ek noch even neamd wurde. Yn 1919 waerd de kwestje fan it Frysk professoraet yn Grins ynienen aktueel. Doe't it op it Frysk-nasjonael kongres to Ljouwert yn 1918 bipleite waerd like it noch moai fierwei. Buitenrust Hettema wie doe al gjin oannimlike kandidaet mear; syn kolleezjes to Utert hiene gjin sukses west en hy hie it der ek net better op makke mei syn aventûr to Gent: in koart en forkeard einige heechlearaerskip oan de fan de Dútske bisetter fornederlânske universiteit. Sipma, selfmade taelkundige, hie winlik wol yn 1914, mei syn by de Oxford University Press forskynde ‘Phonology & Grammar of Modern West Frisian’, syn brieven foar in universitaire learopdracht op tafel lein; en nammers hied er al in skoft privé-kolleezjes jown yn Grins. Mar hy hie noch to min namme by de fakulteit en to min stipe út Fryslân wei. Doe lykwols kaem út Breslau in oanbieding fan de forneamde filolooch Theodor Siebs, fryskkundich by útstek. | |
[pagina 230]
| |
Professor Theodor Stebs út Breslau, great kenner fan de Fryske talen dy't yn 1919 biskikber wie foar in heechlearaerskip yn Grins. Mar doe't er nei sa 'n oardel jier fan strideraesje en gekonkel bineamd waerd, woed er al net mear. (Houtfyk fan E. Caspers) *
It wie Troelstra oan hwa't Siebs syn réens om yn Nederlân in professoraet op him to nimmen meidield hie. Troelstra brocht daliks de letterkundige fakulteit yn Grins op 'e hichte. Fan dy kant is doe de ried kommen yn Fryslân in foriening foar heger ûnderwiis op to rjochtsjenGa naar eind156.. Fan gefolgen kaem al gau in kommisje ta stân mei Wumkes as foarsitter en dr. Titus Brandsma, dr. L. Dokkum, mr. R.A. Fockema, mefr. A. Quarles van Ufford-Buma en S.L. van der Burg as leden. Troelstra hat | |
[pagina 231]
| |
Wumkes doe formeel ynljochte oer de oanbieding fan Siebs. Dat wie heal april 1919. Noch dyselde moanne gyng in adres út oan de minister fan ûnderwiis dêr't Siebs syn réens ta it bisetten fan de sa winsklike Fryske learstoel to Grins yn meidield waerd, mar dêr't ek Sipma syn namme yn foarkaem. De fakulteit hie wol smucht op Siebs. It Frysk hie feitlik altyd hwat stedskyn west yn Grins en wie binammen oan 'e krapperein kommen sûnt it ôfgean fan Van Helten yn 1911. De germanist prof. Sijmons tocht nammers oan in dûbelde learopdracht foar Siebs: it Frysk en dernêst in stik algemiene germanistyk. It forhael hoe't men dizze fûgel dochs wer oer it net fleane litten hat is net sa fleurich. In hwat ûngewoane ienriedigens wie der al tusken Selskip-1844 en Mienskip dy't beide op de bineaming fan Siebs oanstiene; mar it Kristlik Selskip hold hwat langer hwat mear distânsje. It ûntbriek ek op de propagandagearkomste foar it professoraet dy't de oare Selskippen op 31 maert 1920 (dus hast in jier letter) bilein hiene en dêr't û.o. de Keamerleden Troelstra en Van Veen sprieken. It wie doe ek wol sahwat bikend hwat dêr efter siet: Wumkes wie kandidaet nêst (en winlik tsjin) Siebs. Hwat him yn dy snuorje krekt efter de skermen ôfspile hat is min nei to gean; mar der is hwat oer oan it ljocht kommen yn it antwurd fan minister De Visser op in fraech fan it Twadde Keamerlid Duymaer van Twist. De minister sei: ‘Over de instelling van een leerstoel te Groningen in de Friesche taal- en letterkunde worden rapporten ingewacht van den senaat en van de hoogleeraren in de faculteit der letteren. Men is echter van oordeel, dat de geschiedenis vóór de Friesche taal- en letterkunde gaat. Bovendien zijn belanghebbenden het niet eens over een eventueele keuze van den persoon voor deze leerstoel’Ga naar eind157.. It hat sa west dat Wumkes fan kristlike side nei foaren skoud is as heechlearaer mei as haedfak skiednis en dat hy net daliks bitanke hat. De Grinzer fakulteit wie it net om in skiednisman to dwaen, om't hja har mei in professor as I.H. Gosses goed genôch foarsjoen achte. Wumkes dy't sels as foarsitter fan de Fryske kommisje foar heger ûnderwiis mei op 'e bineaming fan Siebs oanstien hie, lit him yn syn tinkskriften net sa dúdlik oer it gefal út. ‘Stimmen gyngen op: Wumkes is ús man. Twadde Keamerleden setten op my ta’. Mar hy wist, seit er, dat er it taelkundich net oan koe. ‘De wierheit gebea my, né to sizzen’Ga naar eind158.. Doe't it safier wie lykwols, wie tofolle tiid troch strideraesje formuozze. Wol waerd Siebs lang om let noch bineamd, mar doe woed er al net mear. Efternei sjoen hat it jier 1919 in hichtepunt west yn de Fryske biweging; roerich, mar net ienriedich. De Jongfryske Mienskip joech propagandistysk | |
[pagina 232]
| |
Earste pagina fan it earste nûmer fan Tsjûgenis, Eeltsje Folkertsma syn persoanlik moanneskrift, treffend fan geast en fan styl. *
en ek literair de toan oan, mar siet organisatoarysk fol spanningen en bilêste harsels mei in oerdied fan pretinsjes. Folkertsma briek mei Kalma en Kalma briek mei Sipma. Sjouke de Zee seach men ynienen werom op de algemiene gearkomste fan it âld Selskip fan novimber. De forlerne soan, dy't foar de Mienskip bitanke hie, waerd net iens sa hertlik bigroete, al krige er nei hwat konsjinsje-ûndersiik dochs in plakje yn de útjeftekommisje. Hwat Folkertsma oanbilanget, die it al gau bliken dat hy utersté de Mienskip net forlitten hie om him fierdersoan rêstich del to jaen ûnder de wjokken fan it Kristlik Selskip, dêr't hy nea opholden hie lid fan to wêzen. Lyk as al sein is bleau er him Jongfries neamen. Bigjin 1920 bigoun hy mei de útjefte fan it moanneblêd ‘Tsjûgenis’: nijsgirrich troch ynhâld en troch styl. De fiifentweintich jeften binne in persoanlik dokumint bleaun, ek al hawwe der út en troch wol oaren oan meiwurke (bgl. R.P. Sybesma en Fedde Schurer). Yn ‘Tsjûgenis’ iepenbieret Folkertsma him foar it earst as apostel fan in selsbistjûrend kalvinistysk Fryslân yn in biswarrende en profetyske tael. Efternei bisjoen is it wol dúdlik dat ‘Tsjûgenis’ foar him in soarte oefening en tarieding yn iensumens west hat. Hy moast | |
[pagina 233]
| |
syn plak en syn doel fine, mar tagelyk woed er de Fryske tael twinge yn de suggestive foarmen dy't hy nedich hie foar syn forkundiging. Ek Folkertsma wie in tige literaire figuer. Dêr moatte dejingen oan tinke, dy't by it trochlêzen fan de pear jiergongen fan ‘Tsjûgenis’ oanstriid hawwe om to fallen oer de eigengerjochtigens en de ûnfordraechsumens. It bigjint al yn it earste nûmer as hy it hat oer de Mienskip: ‘Yn 'e wierheit is men bigoun, mar as hja hjar net bikeare scille hja yn 'e ljeagen stjerre’. By de lettere Folkertsma is de humor wol trochbrutsen: humor dy't ûntspringt oan it formogen minsken en minskene stribjen - en net to min it eigen - to relativearjen. Yn bigjinsel lykwols is hy syn fierdere libben moai aerdich de opfettingen trou bleaun dêr't er yn syn Tsjûgenistiid mei himsels oer ta klearrichheit kommen is. Syn doelfêstens stiet yn skerp kontrast ta Kalma syn opportunisme. Mar hoe ûngelikense natueren hja ek wiene, beide hawwe hja dochs har libben wijd oan in Frysk ideael. |