Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 206]
| |
Nasionalisme, de nije koertsIt Selskip-1844 forliest de lieding - Jong yntellekt komt nei foaren - Frisia, it tydskrift fan de avant-garde - It kongres fan Dimter - Radikale lûden út it Kristlik Selskip - Oprjochting fan it Roomsk Frysk Boun - It Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen en it Ljouwerter kongres.It feestfortoan by gelegenheit fan it ûntbleatsjen fan de Waling Dykstra-stien hat de lêste kear west dat it Selskip-1844 him dúdlik manifestearre as it earste en it liedend formidden yn de Fryske biweging. Sûnt waerd dy posysje mear en mear twiveleftich. Syn feitlik monopoalje wie it Selskip-1844 al kwytrekke yn 1908 troch it tastânkommen fan it Kristlik Selskip. Mar it koe dy foriening noch in rige fan jierren net sjen as lykweardich. Der is al gewach fan makke, hoe tige mannen as Jan Hof en Piter de Clercq op 't skik wiene mei it gearstappen fan folk, dat it dochs net socht hawwe soe yn in foriening mei in sa dúdlike liberale en frijsinnige tradysje as it Selskip-1844. It liedend plak fan dat Selskip like der op gjin inkelde wize troch bidrige to wurden. It Kristlik Selskip, sa waerd it sjoen, soe syn hannen mear as fol krije mei syn krewearjen ûnder hwat gou as spoeksjoch en efterlik folk, wylst it Selskip-1844 al lang syn erkend plak hie yn de liberale maetskippij. Mar fan 1914 ôf siet de loft fol foroaring. Greate steatsstruktueren kreaken en lytse folken en minderheden easken har rjochten op. Yn de Habsburchske monarchy wiene it binammen de Slavyske folksdielen dy't har efterútsetting net langer winsken to forduorjen. Mar ek it Dútske keizerryk hie syn ‘koloniale’ gebieten yn it eigen lân: de eardere dielen fan Poalen, Elzas-Lotharingen, en dochs einliks ek Noardfryslân. Foroaring wie in kwestje fan demokrasy, ornearren Douwe Kalma en syn maten. It wie ien fan de grounen fan Kalma syn pro-Ingelske hâlding. Lykwols, yn Great Brittanje sels kamen de Ieren yn forset; en út en troch siperen hjir ek hwat birjochten oer de taelstriid binnen de Belgyske linys yn it lytse stikje groungebiet yn it súdwesten, dat de Dútskers net yn hannen krige hienen. De rûzige tiden koene it Selskip-1844, neutrael en gouverneminteel, net ta de oersjûging bringe dat it hwat mear en hwat oars hearde to dwaen as it altyd al dien hie. It haedbistjûr merkbiet wol dat de bilangstelling foar it ûnderwiis greater waerd, mar it loek der gjin konklúzjes út; en neigeraden dat de oarloch langer duorre kamen der ek mear | |
[pagina 207]
| |
De jonge Douwe Kalma dy't al as gymnasiast de kneppel soald hie yn de Fryske biweging lyk as dy binammen stal hie yn it Selskip-1844. Alles ûnder de mjitte, wie syn bitinken. Hy helle him de hate op 'e hals fan de âlde foarmannen en woun de forearing fan de jongerein. *
swierrichheden mei it ljocht en de branje foar de skoallokalen. Yn it Kristlik Selskip dêrfoaroer bistie gjin oanstriid ta stil ôfwachtsjen. Huismans en Wumkes wiene der de mannen net nei om har trekken net waer to nimmen nou't de tekens gunstich wiisden. It emansipaesjestribjen fan it Kristlik Selskip krige in stik mear eigenskip; de geast fan de tiid joech dingen as de bibelforfrysking, it Frysk yn tsjerke en skoalle, it weiheljen fan it folk ûnder de oermacht fan in frjemde kultuer, in dúdliker aksint fan forheffing en bifrijing. It waerd ek yn politike termen fortaeld, hwant it Kristlik Selskip forwachte en easke mear fan de oerheit as de âlde biweging. It hie lykwols it neidiel dat it wurke yn in rounte, dêr't it oppasse moast mei oerhaestigjen. Sa moast de earste greate stjit wol fan de Jongfriezen komme. It wiene dizzen dy't ûnder lieding fan Douwe Kalma ek oer polityk (en ekonomy) it measte lûd útjoegen, biliven net deskundich en wolbiret, mar wol yn de troch it oarslochsbarren toweibrochte geast. Jan Hof hat in fearnsieu letter skreaun, dat yn de snuorje om 1915 hinne de âlde biweging ôfstoarn is. ‘Hja seach gjin doel mear en hie gjin murch mear yn 'e bonken’Ga naar eind129.. Hy seit der by dat dat pas letter útwizing dien hat. Fan de nije biweging wiene de Jongfriezen de pioniers. Machtich hawwe hja as organisearre foarhoede nea west, mar yn de bêste tiid fan de Mienskip wie dêr dochs de blom fan de skriuwers, kunstners en striders yn samle. Opgong sa goed | |
[pagina 208]
| |
as it lettere rêdde ôftakjen hawwe binammen it wurk west fan it fenomeen Douwe Kalma. In biskriuwing to jaen fan de persoan fan Kalma is net maklik. Sa'n biskriuwing moat der lykwols fan útgean dat hy binammen literator wie, gjin man mei in skerp ynsjoch yn de polityk en gjin filosoof. It egosintrysk aerd dêr't er him troch ûnderskaette is yn 'e literaire wrâld net sa'n bûtenwenstich ding; en it forklearret yn elts gefal syn swinken faek fan de iene dei op 'e oare en syn wikseljend oardiel oer deselde minsken. Mar dêrmei is fansels lang net alles sein. Hwant hy hie ek hwat fan it fisionaire dat men by wol mear dichters fynt. Hy fielde yn syn hiele wêzen dat der hwat yn de wrâld oan it foroarjen wie en dat de dingen net wer sa wurde koene as se west hiene, as ienkaer it gewelt fan de wapens foarby wie. Him stie ek dúdlik foar de geast dat foar in folslein kultuerlibben yn Fryslân de boppelaech ûntbriek. Faek is him mei rjocht en reden bistriding fan tsjinstanners forwiten mei ûnwiere arguminten en ûnweardige middels. Ek dat is yn de literaire wrâld gjin ûnbikend forskynsel. Dochs wie Kalma ek wer net in wylde en rûge ropper. Nimmen foar him yn Fryslân (of it moast op in hwat oare wize Gysbert Japiks wêze) hat sa tige stribbe nei in klassike styl. Sa't de dingen leine yn Fryslân ‘yn de snuorje om 1915 hinne’ en sa't de geast wie ûnder de hwat ûntwikkele jongerein moast hwat Kalma sei en skreau wol tige oansprekke. Hoe faek en hoe tige mannen as Van der Burg, Onno Sytstra en Jan Hof ek gelyk hiene yn it bleatlizzen fan Kalma syn fordraeijingen, oerdriuwingen, swinken en taelsûnden, hja koene der net oan foroarje dat Kalma die hwat it âld Selskip al yn jierren net mear slagge wie: de jongerein bisielje en ta har forbylding sprekke. Bikend is wurden syn taspraek, letter útjown as brosjuere, ‘Fryslân en de Wrâld’Ga naar eind130., dêr't er Fryslân in plak yn jowt as skeakel tusken Skandinavië en Ingelân en distânsje nimt fan Hollân, dat neffens him syn siele forlern hat troch syn ûnderdienigens foar de Frânske kultuer oer. It is in subjektive skôging yn literaire styl, mar Fryslân en de wrâld is der dochs in bifrijend biedwurd mei wurden. Fryslân net samar in stikje Nederlân, mar in selsstannige kultuerfaktor mei in aparte funksje: it is dúdlik dat fan sokke uteringen yn dy roerige tiden folle mear ympulsen útgyngen op de jongerein as fan hokker foarm fan goedwilligens of hokker biwiis fan bigryp ek fan de kant fan it Selskip-1844. It is wol wier dat de liedende minsken yn it Selskip net ûnwillich wiene de nije rjochting bod to jaen. Allinne dy nuvere en lêbbige Kalma, dêr moast men neat fan hawwe. Ek Sytstra net. By dy wie Kalma al gau út de gunst rekke en it kaem safier dat er him net mear sûnder tsjûgen to wurd woe. Mar it pliget | |
[pagina 209]
| |
‘Frysklân en de wrâld’, de printe rede fan Douwe Kalma, dêr't er Fryslân en de Friezen in eigen plak yn joech yn de Germaenske wrâld. *
altyd wer in ûnfruchtber ûndernimmen to wêzen om to bisykjen de minsken los to krijen fan en eins tsjin dejinge dy't hja as har lieder biskôgje. It is de Selskipmannen ek by de hannen omt ôf brutsen. Men moat werom gean nei de fjirtiger jierren fan de 19de ieu om jonge minsken yn Fryslân to finen dy't har sasear avant-garde fielden as de Jongfriezen. Ek de Jongfriezen wiene romantysk bisiele, mar der wiene dochs greate forskillen tusken harren en it ploechje fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra, dat út de fordrukking wei it findel swaeide. De Jongfriezen hiene in stik troch de âlde biweging bimastere groun ûnder de fuotten, de tiidgeast bloes har yn it seil en hja hiene in diel fan de parse ta har foldwaen. De Ljouwerter krante, lyk as wy sjoen hawwe yn it bigjin fan de ieu troch Buitenrust Hettema by it Frysk bihelle en letter mei fêste bydragen foarsjoen troch Kees Wielsma, liet yn de earste oarlochsjierren Kalma mar raek skriuwe. Dat it in foarm fan konkurrinsje mei de folle Fryskere kranten fan Hepkema west hat, is al sein; mar it wie nei alle gedachten ek troch Kalma syn hwat klassyk-eftige styl dat de stikken de redaksje wol flijden. Nammers hat ek ‘De Telegraaf’ artikels fan Kalma pleatst. Dêryn hied er it oer ‘de zeer bewuste, zeer moedige en soms zelfs uitdagende renaissance van het Friesche volk. De beteekenis van deze herleving is de verwerping van den Nederlandsch-Frieschen status-quo’Ga naar eind131.. It wie binammen Kalma syn pro-Ingelske hâlding dy't foar him de kolommen fan ‘De Telegraaf’ iepene hat. | |
[pagina 210]
| |
Eeltsje Boates Folkertsma yn 1916. As jong skoalmaster yn Drachten stie er noch oan it bigjin fan syn libbensrin. Hy wie skriuwer fan de Jongfryske Mienskip, mar soe him letter fan Douwe Kalma ôfkeare. Fan him is bikend dat hy ris wegere hat mei to dwaen oan it keninginnefeest fan
syn skoalle. *
Yn 1917 krige de avant-garde syn eigen tiidskrift. It hjitte ‘Frisia’ en it seach der daliks helte oannimliker út as it ta ‘Iduna’-greatte (16 siden yn 'e moanne) weromfallen ‘Fryslân’. ‘Frisia’ wie ek in moanneblêd, mar it kaem út mei 32 siden en it hie in alsidiger ynhâld en in moderner foarkommen. Literair liet it ‘Fryslân’ moai fier efter him; en troch Kalma syn ‘Fryske Kronyk’ en E.B. Folkertsma syn stikken ûnder de titel ‘De Fryske Striid’ fortoande it de militante geast dy't by de tiid hearde. Folkertsma wie in nije forskining yn de Fryske biweging. Al in jier earder hied er fan him sprekke litten as mei-ûndertekener fan in brief oan it haedbistjûr fan it Kristlik Selskip dêr't yn frege waerd om yn it karbrief as doel to neamen: de folsleine forfrysking fan it hiele amtlike apparaet - de rjochtsbidieling net útsletten - fan de kranten, fan it forieningslibben en fan wittenskip en kunst. Dêr hie it haedbistjûr dochs net yn meigean kinnen, al hie it him ûtholden fan in prinsipiële ôfwizing. Kalma hie Folkertsma yn de Mienskip helle dy't him yn 1916 as skriuwer bineamd hie. Minder ierryp as Kalma (hy wie in jier of trije âlder) en fan in drege | |
[pagina 211]
| |
Piter Sipma hal, ear't er him sahwat allinne oan de tael wijde, as lid en haedbistjûrslid fan it Selskip-1844 en as foarsitter fan de Jongfryske Mienskip him troch gâns skeel en argewaesje hinne wrakselje moatten. *
kalvinistyske libbensskôging soe hy noch in rige fan jierren op syk wêze nei in Frysk nasionael program. Hy ûntjoech him lykwols al gau as in proazaïst fan bilang. It tal leden fan de Mienskip woun wol oan, mar it koe de earste jierren op gjin fuotten of fiemen nei munsterje tsjin de oardel tûzen fan it Selskip-1844. Dy oardel tûzen wiene lykwols fierhinne dea gewicht; de Jongfriezen dêrfoaroer joegen har der by, hiene hwat to sizzen en krigen publisiteit. Sa wie it net iens heechmoed to neamen dat Kalma en Folkertsma foar de Mienskip de lieding fan de Fryske biweging opeasken. Biweging bitsjut fuortgong, en dat wie nou krekt hwat yn it Selskip-1844 net siet. It foarsitterskip fan de Mienskip wie nammers net yn hannen fan Kalma sels; deselde gearkomste dy't Folkertsma skriuwer makke, bineamde Sipma ta foarsitter. Dat wie fansels net bard sûnder meiwurking fan Kalma, dy't as samler en erkend lieder yn it earstoan wol forlet hie fan dekking troch in kollektyf. Hy wie yn dy snuorje ek ynskreaun as theologysk studint to Grins; en bigjin 1917 gyng hy ûnder tsjinst foar in moai lang skoft. Sipma wie in man mei in namme yn de biweging. Syn | |
[pagina 212]
| |
haedbistjûrslidmaetskip fan it Selskip-1844 hat doe net lang mear duorre. Yn augustus 1916 waerd er der út stimd, neidat Van der Burg sein hie dat hy dêr, yn forbân mei syn relaesje mei de Mienskip, net mear yn pasteGa naar eind132.. Sipma wie it dêr net mei iens; hy hat him noch fordigene mei to sizzen dat de Mienskip einlings hâldfêst krige hie op 'e yntellektuëlen, dy't it Selskip nea winne kinnen hie. Hoe koe it lieding jaen oan de Fryske biweging in foarm krije? Yn juny 1916 hat Sipma yn in printe stik gewach makke fan de oprjochting fan in Algemiene Fryske Ried, dêr't leden yn sieten fan de beide Selskippen, de Mienskip, it Bûtenboun, it Frysk Genoatskip, Jong Fryslân en de Bond van Gemengde Zangkoren in Friesland. Sipma sels wie foarsitter, Wumkes twadde foarsitter en Kalma skriuwer. Jan Hof neamt it in ‘coup d'état’ en dat wie it ek wol, hwant de organisaesjes wiene net of amper rieplachte. It boun Jong Fryslân hie nammers al twa jier earder opholden to bistean. De ballon is net opgien: de nije Ried hat neat út 'e wei sette kinnen en is letter formeel yn 'e Mienskip opnommen. In nij bisykjen waerd ûndernommen yn Dimter op 16 juny 1917, dêr't it Bûtenboun foar syn Friezendei nei alle kanten útnoegingen forstjûrd hie. Op dit neutrale terrein oan de Isel dêr't Joast Halbertsma, net hindere troch heitelânske argewaesjes, mei syn letterkundich wurk en stúdzjes to set west hie, moeten mekoarren de avant-garde en de âlde rjochting. Der wie fan dizze gearkomste, dy't ûnder patroanaet stie fan de boargemaster fan Dimter, de op it mêd fan muzyk en Fryske tael net ûnforneamde jhr. Tj. A.M.A. van Humalda van Eysinga, frijhwat wurk makke. To forklearjen is dat mear út de tiidgeast as út de libbenskrêft fan it Bûtenboun. Hwant dat boun stie faei en soe yn 1918 foarearst ophâlde to bistean. Yn elts gefal, yn Dimter wiene net allinne Canne en Van der Burg, mar ek Sipma en Huismans en Wumkes. Wumkes wie der nammers net foar it Kristlik Selskip, mar foar it Frysk Genoatskip, dêr't er al in moai skoft bistjûrslid fan wie. Dat in man as hy it Genoatskip fortsjinwurdigje koe is in oanwizing dat syn geastlik postuer stadichoan útdijd wie bûten de grinzen fan it Kristlik Selskip. As herfoarme domeny hie hy ek minder as ds. Huismans to krijen mei stringe tsjerklike opfettingen op it stik fan de tael en hied er him permittearje kinnen yn Fryslân in rige Fryske preken to hâlden (it earst yn 1915 to Tsjom). Namme hied er ek krige troch syn Fryske kultuer-histoaryske stúdzjes. To Dimter rôp er net allinne op ta bihâld fan de Fryske tael mar ek fan de Fryske geast. It wie wol lang forlyn dar sokke dingen sein wiene út namme fan it Genoatskip. Huismans lei de klam op it forfryskjen fan de skoalle, Sipma spriek de letter faek tsjin him útspile | |
[pagina 213]
| |
Op dizze lângeanne fan de Jongfryske Mienskip fan 1917 soe fierder praet wurde oer il opstellen fan in program fan punten fan ‘suvere ienriedigens’ foar de folsleine Fryske biweging, lyk as yn Dimter bisletten wie. Mar it Selskip-1844 hold him ôfsidich. *
wurden dat yn Fryslân de Fryske tael nêst en boppe it Hollânsk hearde to stean. Hy foege der oan ta, dat it net bistean moast dat in Sjouke de Zee yn de Steaten it swijen oplein waerd, om't er him yn it Frysk uterje woe. Van der Burg, dy't it âld Selskip fortsjinwurdige, koe yn dit koar net fan rjochten meidwaen. Hy sei, dat Fryslân in fordield ryk wie en bitrouwen yn mekoarren it earst nedige. Foar in hast hwat kluchtich intermezzo soarge Rindert van Zinderen Bakker, in foech tritich jier lyn noch foarman yn de Fryske Folkspartij, dy't al jierren yn Bussum wenne en him yn ‘De Blijde Wereld’ alris utere hie tsjin preekjen yn it Frysk. Diskear song er de lof fan Fryslân mei to sizzen dat de minsken dêrre sa warber wiene foar it steatspensioen. De oarder fan de dei wie lykwols wer to fornimmen yn it bigjinselbislút, dat in kommisje fan acht leden út alle selskippen in program opstelle soe fan punten fan ‘suvere ienriedigens’, in omskriuwing dy't de hân fan Douwe Kalma forret. De Dimter gearkomste wjerspegelt it fielen fan dy dagen en tagelyk de ideële en organisatoaryske bitizing yn de Fryske biweging. Alles dêr wie | |
[pagina 214]
| |
It Jongfrysk Sjongkoar, forneamd om syn kwaliteit en yn it bigjin fan de tweintiger jierren fan greate bitsjutting foar de propaganda fan de Mienskip. Yn 'e midden foaroan lieder J.P. Wiersma. *
frijbliuwend en folle wie tsjinstridich. Sipma hie sein dat de lângeanne fan de Jongfryske Mienskip to Snits op 25 july in moaije gelegenheit wêze soe om fierder to praten. Mar dy lângeanne is allinne yn safier in forfolch op Dimter wurden, dat Sipma in neijere forklearring joech fan syn wurden: It Frysk nêst en boppe it Hollânsk. ‘Wy bouwe gjin Chineeske muorre om ús hinne. Bihalve Friezen wolle wy wrâldboargers wêze... Wy wolle ús tael ta kultuer- en biskavingstael meitsje’Ga naar eind133.. Op dizze lângeanne song it koart tofoaren oprjochte Jongfrysk Sjongkoar ûnder lieding fan J.P. Wiersma dat noch in rige fan jierren de Mienskip ta stipe wêze soe. Mar fan fierder oerliz tusken de Selskippen wurdt nearne gjin gewach makke. In wike letter fortelde Selskipsfoarsitter Van der Burg op de algemiene gearkomste yn Burgum dat hy as persoan noch even to Snits west hie op | |
[pagina 215]
| |
'e joun fan de lângeanne, mar dat hy him as bistjûrder fan it Selskip net boun achte troch hwat to Dimter ôfpraet hjitte to wêzen. Neat forplichte him ‘op bisite to gean by minsken dy't yen noch koartlyn útheuvele ha, om gjin oar wurd to brûken’, Hof ûnderstreke dat; in Selskip hie neffens him gjin boadskip oan ‘lju dy't krekt op it toaniel forskine en foart al de lieding nimme wolle en op minne wize oaren delhelje’. Sytstra: ‘De Mienskip wol in steat yn de steat’Ga naar eind134.. De ôfwizende hâlding wie doe wol dúdlik, al is yn forbân mei it Dimter bislút dochs Sytstra noch oanwiisd as kontaktman. Oer it oparbeidzjen mei oare Selskippen krigen yn de Mienskipsgearkomste fan 11 augustus 1917 Sipma en Kalma it even krap mei de kalvinisten Folkertsma en M.S.E. Visser. Folkertsma forklearre him fûl | |
[pagina 216]
| |
‘tsjin in bliuwende forbining, ûnder hokfor foarm ek’ mei oare Selskippen. ‘De lieding yn de Fryske striid heart by de Mienskip. Hwa't har lieding net meistimt straffe wy mei se wei to dwaen út de Fryske biweging’. It gyng der moai forheftich om en ta. Ek Visser spatte op, sizzend dat de kristlike leden út de Mienskip rinne soene ‘as dy hjar lieding oerdocht oan in healslachtige en ûnbitsjuttende forbining’Ga naar eind135.. Sipma en Sjouke de Zee fordigenen it meiinoar oparbeidzjen; Kalma foun in kompromis: in Algemien Selskipsboun soe der allinne wêze moatte foar it bifoarderjen fan inkelde praktyske punten dêr't gelyk oer tocht waerd. De theoretyske lieding koe dan by de Mienskip bliuwe. Dat waerd oannommen, al bleauwen Folkertsma en Visser tsjin. Foar goed bigryp fan de doetiidske situaesje moat fêststeld wurde dat der tusken de Jongfryske Mienskip en it Kristlik Selskip sasear gjin bigjinselforskillen wiene. Wol klage Wumkes nou út en troch al oer Kalma syn toan en net altyd weardige polemyk en wol bistried Huismans op de Friezendei fan it Kristlik Selskip op 8 augustus 1917 to Frjentsjer moai fûleinich de pretinsje fan de Mienskip de lieding to hawwen yn de Fryske nasionale striid. It Kristlik Selskip, sei Huismans, is net konservatyf, sa as de Mienskip dat foarstelt. Yn syn taspraek bipleite hy krêftich de amtlike forfrysking. Lyk as al meidield is stie Huismans doe yn Zevenhoven: in út eigen lânsdouwen fordreaune, dy't radikaler wurden wie en bitterder. Syn Frjentsjerter rede is ûnder de titel ‘Bline Simson’ to finen yn ‘Ta in Tinkstien’; it is in net ûnweardige pendant fan it artikel ‘Lytse Imperialisten’ mei syn skerp kommentaer op Van Harinxma, dy't Sjouke de Zee it Frysk sprekken yn de Steaten forbea (sj. s. 202). Syn protest gyng nammers út tsjin alle minsken yn hwat hegere posysjes dy't yn Fryslân mei it optwingen fan in oare tael as it meartal fan de minsken sprekt, in machtsposysje útdrukke en hanthavenje wolle. Yn elts gefal lieten Huismans syn wurden dúdlik it forskil sjen tusken it Kristlik Selskip en it Selskip-1844, dat fiersto gouverneminteel wie om it bgl. tsjin de provinsiale oerheit yn de kant sette to doaren of to wollen. Lêstneamd Selskip hie nammers in forbining mei it provinsjehûs troch de tinne sulveren tried fan it ûnderwiissubsydzje. De emansipaesjestriid fan it Kristlik Selskip gyng winliken ek tsjin de liberale oerhearsking yn Fryslân, dy't duorre hat oant it algemien kiesrjocht lang om let de forhâldingen korrigearre. Is der in Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen ta stân kommen? Wumkes seit hiel dúdlik: ja. Hy biskriuwt it ûntstean der fan en ek it toloargean mei in foech oardel jierGa naar eind136.. Jan Hof seit like dúdlik: néGa naar eind137.. In pear dingen lykwols steane fêst. It earste is, dat yn oktober 1917 in | |
[pagina 217]
| |
Titelpagina fan it earste nûmer fan For Roomsk Fryslân, orgaen fan it yn 1917 oprjochte Roomsk Frysk Boun. *
gearkomste west hat fan de kommisje, ynsteld op groun fan it bislút fan Dimter. Sytstra wie dêr út namme fan it Selskip-1844 en hie ‘suver gjin frij praten’. Punten dy't de ienriedigens yn 'e wei stiene wiene bûten 'e oarder, soene Sipma en Wumkes sein hawwe. It stie ek fêst dat it Selskip-1844 yn syn algemiene gearkomste fan 29 desimber 1917 formeel bisletten hat net oan it Selskippeboun diel to nimmen. It barde nei in moai lange forklearring fan Hof dêr't er yn útlein hie dat meidwaen fan it Selskip it eigen foech oantaeste soe, de lieding fan de biweging yn forkearde hannen jaen en it Selskip foar doelen spanne soe dy't syn eigen net wiene en nammers as in fata morgana biskôge wurde moastenGa naar eind138.. Sytstra moast der ek neat fan hawwe en De Clercq allikemin. By de net folle leden dy't der foar wiene, hearden Canne en J.B. Schepers. De Mienskip dy't fêsthold oan de pretinsje de lieding to hawwen fan de hiele Fryske biweging, makke oan 'e ein fan 1917 bikend, fan it Frysk Genoatskip, it Kristlik Selskip en it Boun fan Jongfryske Selskippen, as antwurd op in brief fan har kant, fornommen to hawwen dat hja ‘in ûnderlinge freonskiplike forhâlding’ op priis steldenGa naar eind139.. It bistean fan in | |
[pagina 218]
| |
boun koe dêr slim út opmakke wurde; mar in dúdlik profilearre boun koe it, lyk as wy sjoen hawwe, by de Mienskip ek net rjocht lije. It niisneamde Boun fan Jongfryske Selskippen wie in tal fan op it Miensskipsstânpunt steande lytse rounten fan jongerein yn en bûten de provinsje. De Mienskip makke yn dizze tiid in wiidweidige propaganda. Hoe ûndúdlik it bistean ek wie fan it Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen, it hat in skoftsje funksionearre, mei as hichtepunt it kongres fan Ljouwert yn 1918, dêr't hjirnei mear fan sein wurdt. Forrike waerd de Fryske biweging yn 1917 troch it tastânkommen fan it Roomsk Frysk Boun. De geast fan de tiid sil der alwer net frjemd oan west hawwe, mar mei dizze nije foriening wie it dochs wol hwat in apart gefal. It wiene hjir net as by it Kristlik Selskip hwat nijljochters dy't ûnder in tobekeangjende mannichte in stik Fryske eigenwearde forspriede woene. Ien fan de oprjochters wie Jouke van der Wey, dy't ek yn Flaenderen taholden hie, mar it wiene binammen de yn heech oansjen steande karmelyt Titus Brandsma en dominikaen Albert C. Doodkorte dy't troch har gesach feitlik daliks biswieren forstomje lieten. It geastlik nivo fan de net sa greate kliber roomske Friezen hie yn forhâlding altyd moai fier lein boppe dat fan it roomske folksdiel yn it algemien. De warberens fan it Roomsk Frysk Boun hat neitiid net altyd like great west, mar dochs hat it yn de rin fan de jierren mei in rige fan kundige minsken in fikse bydrage jown oan it wurk fan de Fryske biweging. It Selskip-1844 hat himsels yn 1917 hwat yn de iensumheit wurke en is dêr in diel jierren bleaun. Om dochs hwat fan him hearre to litten bineamde it yn 1917 Bonne Sjoukes Hylkema, krekt wer yn Fryslân, ta offisieel Selskipspropagandist. Hylkema wie in man fan de âlde styl, in goede prater en tige warber ek, by hwa't men nea bang hoegde to wêzen dat hy bûten de biwende paden reitsje soe. It ledetal dat yn 1915 ta in foech 1300 tobekroun wie woun sûnt wer oan en de kriten sieten net stil. Mar hwat wie de funksje fan it Selskip yn dy rûzige tiid? Yn de algemiene gearkomste fan 31 july 1918 hat Van der Burg bisocht dy to omskriuwen yn de formule: selsstannich, sterk en frij. Selsstannich: it bistjûren fan de Selskipssaken nei eigen winsken en witten en der gjin bimuoijing fan oaren yn duldzje; sterk: troch bifoardering fan inerlike krêft en ienriedigens; frij: troch it bliuwen bûten de iver fan tsjerklike en politike bilangen. It liken fikse wurden, mar Van der Burg sels wist mar al to goed dat se gjin antwurd ynholden op de fragen dy't de Fryske biweging yn dy snuorje it meast oan 'e oarder wiene. Hokker wegen woe it Selskip gean? Dúdlik wie allinne de neutraliteitsbitsjûging, mar dy krige mei it algemien kiesrjocht al yn wurking hast de skyn fan in lêste groet oan it liberale | |
[pagina 219]
| |
biwâld yn Fryslân, dêr't al fan to sjen wie dat it it by de forkiezingen fan 1919 net mear rêdde soe. Van der Burg hat net sein: yn it isolemint leit ús krêft, en dat hat er grif ek net sizze wollen. Hwant dat hie de eare to nei kommen fan hwat noch altyd fierwei de greatste organisaesje op it Fryske mêd wie. Mar it wie wol foargoed isolemint. Soks kaem in wike letter op hast pynlike wize oan it ljocht op it Ljouwerter kongres fan it Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen. Doe't it holden waerd wie it al dúdlik dat de oarloch op in ein roun. Sa krige dit kongres mear tafallich as opsetlik it karakter fan in soarte wapenskouwing en in gearfetting fan de nije opfettingen. Mienskip, Kristlik Selskip, Frysk Genoatskip (!) en ek it krekt oprjochte Roomsk Boun diene mei. It Selskip-1844 net; opsetlik en wolbiret mei as eftergroun mear argewaesje as argumint. It provinsiael bistjûr hie Deputearre Pollema en griffier mr. C.B. Menalda ôffurdige. Kommissaris Van Harinxma hie yn in Frysk brief birjocht fan bihindering stjûrd. Ek de keninginne wie útnoege. Dat wie fansels net mear as in wol snoad úttochte politike geste; hwant nimmen sil tocht hawwe dat hja kaem. It gyng op dit kongres om trije dingen: it Frysk op 'e skoallen, in professoraet yn it Frysk to Grins en de bineaming fan in skiedskriuwer fan de Steaten sa lyk as dy der west hie yn de tiid fan de republyk. De kwestje fan de skiedskriuwer wie in rydhopke fan Wumkes dy't der yn dizze gearkomste ek foar pleite. Dat it in baentsje wie foar himsels hat er yn syn tinkskriften feitlik wol tajown. Sipma stie krêftich oan op in Frysk professoraet yn Grins. Wumkes sei hjir noch fan dat in bûtengewoane learstoel der wol yn siet; ‘mar wy freegje in gewoane’. Dêr foel Pollema tusken mei de wurden dat men nimme moast hwat men krije koe. Nei alle gedachten de bêste rede wie dy fan ds. Huismans dy't sei, dat in professoraet yn Grins needsaeklik wie, mar dat Fryslân dêr net mei folstean koe. Der wie neffens him ek driuwend forlet fan in Fryske Akademy fan Wittenskippen. Hy sei dat net foar de earste kear; mar tiid en plak wiene diskear foar dy suggestje wol tige gaedlik. Huismans hie it ek oer it rjocht en de plicht om it Frysk learfak to meitsjen op alle skoallen, mei bihâld fan de rykstael. Dat hy de goede smaek hie om hulde to bringen oan it ôfwêzich Selskip-1844, dat mei it ûnderwiis bigoun wie en oan de Steaten, dy't der al moai hwat jierren stipe oan joegen, tsjûget nochris wer fan it formaet fan dizze ‘balling’, dy't Jan Hof al in pear kear skrast hie út de rige fan de forstannige Fryske foarmannen, om't er sa ûnwiis west hie it amtlik Frysk to bipleitsjenGa naar eind140.. Dit Ljouwerter kongres hat yllustratyf west foar Hof syn letter sizzen | |
[pagina 220]
| |
dat yn de snuorje om 1915 hinne de âlde biweging ôfstoarn is. As âlde biweging komt hjir dúdlik oan it ljocht it Selskip-1844 mei syn doetiidske lieding en doelen. It docht jin nou frjemd oan dat it Selskip net efter de punten fan it Ljouwerter kongres stean wollen hat, wylst dochs it provinsiael bistjûr sels blyk joech fan syn bilangstelling. Mar it haedbistjûr mei De Clercq as ûnderwiisdeskundige stie noch huverich foar it Frysk as forplichte learfak oer en deselde De Clercq hie ek sein dat it Frysk in fiersto biheind fak wie om der in professoraet foar opeaskje to kinnen. Yn syn tinkskriften makket Jan Hof mar yn inkelde rigels gewach fan dit kongresGa naar eind141., soks mei in skealik wurdmannich oer Wumkes syn pleit foar in skiedskriuwer en it sizzen dat it Boun fan Frysk-nasjonale Selskippen ‘einliken-wéliken’ net bistie. |