Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 195]
| |
Nije lûdenDe oarloch: Selskip-1844 net ré foar foroaring - Sipma en de reorganisaesje - Douwe Kalma syn earste fanfares - It bigjin fan de Jongfryske biweging - Sjouke de Zee syn iensum aventûr yn de Fryske Steaten - Ds. Huismans oer de ‘lytse imperialisten’ - Mislearre bisykjen mei in Selskipswykblêd - Untbleatsjen fan de Waling Dykstra-stien.De earste wrâldoarloch is ek it bisteklik Selskipsfolk nuver oer it mad kommen. It hie altyd bisocht him fier to hâlden fan alles hwat it seach as oerdriuwing of oantaesting fan de wenstige forhâldingen. Fan gefolgen stie it frjemd en fierhinne helpleas foar de nasionalistyske fielings en streamingen oer, dy't rounom loskamen. Net dat der yn 'e jierren foar de oarloch gjin ûnnoflikens west hie yn it Selskip. It woe mei it Frysk stribjen net eine. It ûnderwiis stagnearre en it plak fan it Frysk wie tsien jier nei Fokke de Zee syn brief oan 'e riedsleden (sj. s. 159) noch gjin sprút rommer wurden. It bineamen fan in reorganisaesje-kommisje yn 1912 op útstel fan Piter Sipma kin wol mei de ûnnoflikens yn forbân sjoen wurde. Sels wie Sipma, ûndertusken learaer Nederlânsk wurden yn Snits, yn 1913 min ofte mear as malkontint yn it haedbistjûr rekke. Hy hie yn ‘Forjit my net’Ga naar eind112. idéen jown oer de reorganisaesje dy't hy needsaeklik achte. Hy moast dat wol op dy wize dwaen om't er fanwegen syn skeel mei Hof gjin sit ha wollen hie yn de reorganisaesje-kommisje. Hof fan syn kant prakkesearre der net oer om foar Sipma oan 'e kant to gean. Sipma syn program yn ‘Forjit my net’ wie gjin opstannich stik. Syn suggestjes bleauwen biheind ta middels om it Selskip krêftiger en aktiver to meitsjen. Hy pleite foar aksjes om mear leden to krijen, foar hegere kwaliteit en rommere sprieding fan de Selskipsskriften en foar it loskrijen fan mear jild om sadwaende it nivo fan it hiele Selskipslibben, pleatslik en algemien, forheegje to kinnen. It hie allegearre mear to meitsjen mei de struktuer as mei de geast. In pear nije punten wiene der lykwols al by, lyk as it oprjochtsjen fan leargongen yn it Frysk en fan in skriftefûns. En noch in wichtich ding: Sipma woe in Selskipswykblêd. It wie hwat spitich dat de krêft fan Sipma net lei op it bistjûrlik of organisatoarysk mêd. Underwiis en taelwittenskip wiene de dingen dêr't syn talinten har it bêst yn uteren. Mar hy woe dochs ek tige, dat de flyt dy't hy en oaren dêrop diene mear fortuten die as allinne yn de lytse | |
[pagina 196]
| |
Frysksinnige rounte. Doe't hy as bistjûrslid keazen waerd stie op de wurklist fan deselde gearkomste it rapport fan de kommisje-Sipma sûnder Sipma. Dat rapport woe ek út op aktivearring fan it Selskip, al gyng it net hielendal sa fier as Sipma dat die yn syn stikken. Mar yn elts gefal hold it wol it útstel yn foar it útjaen fan in wykblêd. En om't dat fansels jild kostje moast, waerd yn bitinken jown om de haedbistjûrsbydrage oan de kriten mei in kwartsje to forleegjen. It wie in rûzige gearkomste, dy fan 1913. Earst hie de kwestje Sipma-Hof al moai hwat opskuor jown; nou kaem oer dat kwartsje minder in needgjalp fan de krite Grou: dat soe it deafonnis bitsjutte foar de measte kriten, Grou foarop. Yn de reorganisaesje-kommisje siet ek Van der Burg, Selskipsfoarsitter nou; mar dat koe it haedbistjûrslid Wilhelmy, kjel wurden troch it Grouster drigemint (hwant dat wie it), net wjerhâlde om út to stellen it rapport earst noch mar ris foar bioardieling ta to stjûren oan de kriten. De bihanneling fan de kwestje Sipma-Hof hie lang duorre, sei Wilhelmy; foar dit rapport kaem de gearkomste tiid tokoart. Syn útstel rêdde it samar, en dat wie yndied in deafonnis, mar dan foar it rapport. Hwat wie mei dit Selskip to bigjinnen? Der is yn Hof syn tinkskriften folle bitterens oer de ‘hurde’ Friezen dy't deafoelen op in pear sinten; nammers bitsjut by him taelstriid striid tsjin de sleauwe en ûnwillige Friezen selsGa naar eind113.. Om de ieuwiksel hinne moedich en striidfeardich bigoun, wied er mear en mear yn 'e hoeke fan de pessimisten tolânne kommen. Syn pessimisme wie twadderlei: hy seach hieltyd mear taelforbastering en hy seach hieltyd minder hoe't de Fryske taelbiweging de minsken dêrtsjin yn aksje bringe koe. By him foel de klam op 'e tael: it suvere, it eigene. Dêrfoar wie it folk sikerwier min yn 't spier to krijen. Sipma, faeks in minder goede taelkenner as hy, mar in bettere taelkundige, siet net sa yn noed oer taelforoaringen en wie ek net ré it Selskip to sjen as iennichst middel en iennichste noarm yn de striid foar it Frysk. Hy fielde him folle frijer as Hof en stie yn mannich stik minsken as Sipke Huismans en Wumkes neijer as Onno Sytstra en Van der Burg, om fan De Clercq mar to swijen. Al wie troch Wilhelmy syn tadwaen it reorganisaesjerapport sa likernôch by de akten lein, it wykblêdplan wie net oerjown. It haedbistjûr, nou mei Van der Burg op it troch Wielsma syn ôfgean frijkommen foarsittersplak en Sipma as nij lid, stie dêr efter. Mar der wiene hiel hwat tûkelteammen. Der moast om to bigjinnen in jildlike grounslach foun wurde en ûndertusken brocht de mobilisaesje alles frijhwat yn 'e hobbel. Op 'e algemiene gearkomste yn 'e hjerst fan 1914 waerd de wykblêdkwestje nei it jier dêrop forskoud. Oerliz wie der nei alle kanten. It bisprek | |
[pagina 197]
| |
mei Eisma oer in kombinaesje mei ‘Sljucht en Rjucht’ mislearre. Fruchtberder like yn it earstoan it oerliz mei it Bûtenboun. Letter koene Canne en Bonne Sjoukes Hylkema lykwols net forswije, dat troch de hwat oerstjûre tiden min to sizzen wie yn hoefier op 'e bûtenfriezen noch rekkene wurde koe. Kontakt wie der ek mei in Douwe Kalma út Raerd, in widdous soan dy't yn Snits it gymnasium ôfroun hie mei as learaer û.o. Piter Sipma. It wie de earste learling fan Sipma dy't yn de Fryske biweging nei foaren komme soe - net as trou en hearrich Selskipslid. Kalma wie yn 'e hjerst fan 1914 ynienen loskommen yn de Ljouwerter krante mei in rige breed opsette skôgingen oer de jonge dichter Rinke Tolman, hwaens fersen fan 1914 ôf yn ‘Sljucht en Rjucht’ forskynden. It wiene biliven gjin dimmene stikken fan in hwat ûnwisse dilettant. Yn Fryslân wie it noch net earder fortoand dat in jonge fan 18 jier der daliks sa yn om feegde as dizze Douwe Kalma. De stikken gyngen net allinne oer Rinke Tolman syn wurk, se gyngen ek oer de Fryske literatuer yn it algemien, dy't neffens Kalma wol inkelde hichtepunten hie, mar foar it meastepart dochs op it twiveleftich nivo fan de folkskunst stykjen bleaun wie. Waling Dykstra en sels de Halbertsma's hiene har dêr nea út frijmeitsje kinnen. Hwat Fryslân nedich hie wie de persoanlike kunst dy't einlings ús skriften opfiere moast nei greatere hichten. Yn 'e bigjintiid hie Kalma gauris syn kommen by Onno Sytstra, dy't frijhwat fersen fan sines pleatste yn ‘Forjit my net’, al wie it oare poëzy as de Selskipsminsken wend wiene. Sytstra hie der syn niget oan dat hjir in jongkeardel fiks en op eigen wize loskaem. Mar it sil him net yn 'e wei west hawwe dat Kalma syn kritiken kwyt koe oan 'e Ljouwerter krante. It yntellektualisme fan dizze stikken, dat de Ljouwerter krante wol flijde, wie net yn 'e styl fan de Selskipsskriften of bgl. de Hepkema's krante En doe't Kalma yn 1915 de skriuwer Jan fan 'e Gaestmar ûnder it mes naem en fan him net folle hiel liet, kaem der (opsetlik of ûnopsetlik) noch in oar elemint by, ntl. de konkurrinsje tusken de Ljouwerter krante en it fan Hepkema útjowne ‘Leeuwarder Nieuwsblad’, dêr't deselde Jan ûnder syn wiere namme sûnt koart haedredakteur fan wie. Fan dy tiid ôf datearret de fete tusken Jan Hof en Douwe Kalma, dy't mear as tsien jier in fêst en faeks net iens ûnfruchtber gegeven west hat yn de Fryske biweging. Der kin hiel wol hwat wier wêze fan it sizzen fan Hof, dat Kalma syn hâlding yn it bigjin mei biskaet west hat troch it feit dat hy (Hof) yn novimber 1914 in artikel fan Kalma (fan hwa't er doe noch neat wist) oer Europeeske tastannen, ornearre foar it ‘Leeuwarder Nieuwsblad’, weromstjûrd hieGa naar eind114.. It wie net sa'n min stik, fortelt Hof, mar it wie in ‘yn- | |
[pagina 198]
| |
lieding’ dat der soe mear op folgje, en it wie boppedat pro-Ingelsk en dêrtroch net gaedlik foar de ‘neutrale’ Hepkema's kranten. Der binne genôch foarbylden dy't biwize hoe tige Kalma it oardiel oer blêdden en oer minsken ôfhingje liet fan har goedwilligens yn it pleatsen fan hwat hy skreau. Dochs siet der yn dit gefal wol mear efter. Hof en syn opfettingen pasten gewoan net yn Kalma syn ideael-byld fan Fryslân, dêr't er himsels nammers in great plak yn jown hie. Hof wie winlik in anti-yntellektueel. It blykt op mear as ien plak yn syn tinkskriften en hiel dúdlik as er seit, dat hy ‘de measte ûnderwizers ... net alhiel los bitroude, en de ‘heger ontwikkele minsken’ (oanhelling út in lêzing fan Sipma yn 1908) alhiel net’Ga naar eind115.. Dat sloech fansels op har taelkennis en taelgebrûk, dy't neffens Hof minder waerden neigeraden de minsken fierder fan it sljochte folk ôfstiene. Sipma stie al in stik fan it folk ôf en Kalma noch mear; hja wiene ek foar in soarte fan standert-Frysk, dêr't Hof him al syn libben fûl tsjin keard hat. Dochs kin efternei mei rjocht frege wurde, oft har opfettingen oangeande tael safier út mekoarren rounen om safolle jierren fan fûleinige striid to rjochtfeardigjen. Twivel hjiroer is nammers to fornimmen by Hof sels yn syn tinkskriften. Fan de romte dy't Hof litte woe oan de Fryske dialekten wie Sipma gjin tsjinstanner. Mar by Hof gyng it om hwat men hoedzje moast en fan it folk leare, wylst by Sipma de klam foel op hwat de kommende generaesjes bybrocht wurde moast. Sipma bigriep yn elts gefal folle better as Hof, hoe tige de talen yn it algemien troch it fordwinen fan it eardere isolemint en it toloargean fan it âlde ambachtlik bistean dwaende wiene oan markantheit to forliezen. Foar hwa't hwat fierder seach wie it doe ek al hiel dúdlik dat de dialekten fan Noardfryslân reddeleas forlern gyngen by brek oan in foar elk to forstean en to lêzen kompromis-tael. En hwat Westerlauwersk Fryslân oanbilange, wie it sizzen dat de tael rêdden wie troch boeren, skippers en arbeidersfolk mar in stik fan de wierheit. De tael is ek rêdden troch Gysbert Japiks, de foar in part troch him ynspirearre romantici, de toaniel- en folksskriuwers, yntellektuëlen en heal-yntellektuëlen, dy't stadichoan in mienskiplik bisit oan skriuwtael en in algemien jildende stavering opboud hiene, net ûnforweechlik, mar wol oer de dialekten hinne rikkend. Yn 1915 bisleat it Selskip nei folle fiven en seizen ta it útjaen, mei yngong fan 1916, fan in wykblêd ûnder de namme ‘Fryslân’. Kalma kaem net yn 'e redaksje, tsjin it sin fan it haedbistjûr dat him dêr wol foar foardroegen hie. Mar Canne en Hof, dy't der ek foar frege wiene, wiene dêr tsjin, hwerby't Hof planút sei net mei immen as Kalma yn ien re- | |
[pagina 199]
| |
daksje sitte to wollen. Boppedat wiene yn de algemiene gearkomste rare lûden opgien tsjin Kalma fan minsken dy't gjin grizel wurdearring hiene foar syn fersen yn ‘Forjit my net’. Dat Hof yn 'e redaksje kaem wie hwat frjemd, om't er tsjin it wykblêd west hie, net op prinsipiële grounen, mar op finansiële. Sipma waerd ek redaksjelid en Sytstra bleau samler. It moanneblêd ‘Forjit my net’ fordwoun nei in bistean fan 45 jier. Mei dizze namme rekke ek in stikje út de eardere ieu oerwaeide dierberens út de tiid. Sûnder mis binne yn it Selskip de gefolgen fan it net opnimmen fan Kalma yn de redaksje fan ‘Fryslân’ forkeard taksearre. It haedbistjûr hat him dêr maklik ûnder deljown, yn it bitinken dat it dochs einliks in ûnmooglike fint wie en dat binammen it dielhawwen fan Sipma oan 'e redaksje it biwiis levere, dat de nije rjochting dochs syn gerak krije soe. Lykwols, net Sipma mar Kalma wie nou ienkear de lieder fan dizze nije rjochting. Op 20 novimber 1915 stifte Kalma mei seis oare jongkeardels de Jongfryske Mienskip, neidat hy al earder yn in greate brosjuere de kontouren tekene hie fan hwat hy de Jongfryske biweging neamdeGa naar eind116.. Dy brosjuere, dêr't wol syn persoan wer tige yn nei foaren komt, hâldt dochs in nasionael programma yn dat folle fierder giet as ea yn 'e hollen fan de Selskipsbistjûrders út de eardere en lettere tiid opkommen is. Oerliz mei it Selskipsbistjûr oer jildlike stipe by it útjaen fan dizze brosjuere wie mislearre, binammen fanwegen oanmerkingen op 'e tekst dy't Kalma net sûnder rjocht en reden as sensuer opfetteGa naar eind117.. De korrespondinsje hjiroer hie earst net ûnfreonlik west, ek om't Kalma daliks oanbean hie hwat ryklik ûnaerdige uteringen oer Hof to skrassen. Mar gau dêrop hied er it wer fiks bidoarn mei in oare brosjuere, forskynd doe't de briefwiksel noch oan 'e gong wieGa naar eind118.. In bitiging yn dizze lêste brosjuere oan Hof syn adres, falsk sitearre to hawwen, hat neitiid foar Hof reden west de advokaet mr. Tysma yn 'e earm to nimmen. Kalma hat doe, om oan in proses to ûntkommen, iepenlik forklearje moatten fiersto fier gien to wêzen, nea de bidoeling hawn to hawwen Hof oan to taesten yn syn namme fan earber man en de biskuldiging werom to nimmenGa naar eind119.. It wie wol yn 'e styl fan Kalma om letter ûnder forwizing nei dit gefal syn rojalens fiks út to mjitten. Mar de Selskipsrounte hie foarearst gjin forlet fan fierder biwiis fan syn forkeardens. By in linkendewei oanwinnende kloft jongerein lykwols hie it Kalma syn reputaesje gjin kwea dien, en allikemin by it Kristlik Selskip. Binammen in man as Wumkes wie tige mei him op 't skik. Yn augustus 1916 joech de Jongfryske Mienskip bigjinselbrieven út mei as wichtich punt dat it Frysk de iennichste amtlike tael yn Fryslân hearde | |
[pagina 200]
| |
Sjouke de Zee, folkssprekker en folksskriuwer, propagandist foar it Frysk, foar de ûnthâlding en foar it sosialisme, hal lange jierren ien fan de bikendsle en populairste figueren west yn Fryslân. Syn bitsjutting is wolris ûnderskat; syn sprekken hie faeks hwat fan in holle tromme, mar by ienfâldige minsken hat hy sûnder mis in soad losmakke. *
to wêzen. Dat like fansels foar dy tiid wol neat, mar it wie dochs net ûnbigryplik as réaksje fan radikael jongfolk op it tobekskriljen fan it Selskip-1844 foar elke forfrysking fan it officium. It wie in wike of trije neidat Sjouke de Zee forgees bisocht hie as lid fan de Fryske Steaten yn it Frysk syn miening to sizzen oer in útstel fan Deputearren om de drankbistriding yn Fryslân jildlik to stypjen. It hat even hwat opskuor jown yn 'e Steateseale: Kommissaris Van Harinxma forbea him Frysk to praten en De Zee woe perfoarst yn dy tael trochgean. De Zee: ... Hollânsk is foar my, op dit plak, in frjemde tael. Ik bin wend oeral hwer't men my forstiet Frysk to sprekken. Foarsitter (forheftich klopjend): Op deze plaats duld ik het niet! De Zee: Dat spyt my ... om't wy hjir yn in seal binne mei Fryske skilderingen en sprekkende Fryske teksten oan 'e muorren ... Foarsitter: Mijnheer De Zee, ik verbied u zo door te gaan. Wanneer u geen Hollands wilt spreken, noodzaakt u mij u het woord te ontnemenGa naar eind120.. It is mar in fragmint út in langer diskusje. Sjouke de Zee hat him wol | |
[pagina 201]
| |
fiks ward, mar hy stie der iensum foar; hy krige gjin stipe út syn eigen SDAP-fraksje en allikemin fan oare kant, bgl. de Selskipsfoarsitter S.L. van der Burg, dy't liberael Steatelid wie. Der wie oars reden genôch om Van Harinxma to freegjen hwer't er it rjocht weihelle om it Frysk praten yn 'e Steaten to forbieden, yn elts gefal net út it reglemint fan oarder dat op it stik fan de tael gjin útslútsel joech. Mar Van Harinxma skynt op it stânpunt stien to hawwen dat de Fryske tael net talitten wurde koe om't it reglemint dêroer sweiGa naar eind121.. It is efternei maklik genôch om dit in hiel swak juridysk forlechje to achtsjen foar in hâlding dy't fansels fierwei meast emosioneel biskaet wie. Rjochtfeardich is it lykwols om fêst to stellen, dat it potentaet-eftich dwaen fan de Steate-foarsitter allinne mooglik west hat om't de leden har dêr ûnder deljoegen. Om it noch oars to sizzen: hja stiene efter him en net efter Sjouke de Zee, dy't it neitiid ek net wer yn it Frysk bisocht hat. Skerper as alle oare net altyd like dúdlike en like heechsteande strideraesjes yn de Fryske biweging lit dit lyts trelit de kleau sjen tusken de statyske âlderein en de biweechlike en ûntofreden jongerein. Net dat Sjouke de Zee sels sa jong wie; hy hie doe al in heal minskelibben fan Fryske foardragerij en skriuwerij, en propaganda, binammen foar de ûnthâlding, efter de rêch. Mei syn revues en fakentiden moralistyske forhalen hearde hy einliks thús yn de rige fan de lette folksskriuwers. Mar hy wie lid fan de Jongfryske Mienskip wurden en syn hâlding wjerspegelt sûnder mis de geast dy't hy yn dy rounte foun hie. Dêr is hy ek wakker huldige: en it hat faeks út solidariteit mei Sjouke de Zee west dat Kalma yn dy tiid inkelde literaire bydragen tsjin de drank levere hat. Nijsgjirrich hat de réaksje fan it Selskip-1844 west. Mei it brief fan Fokke de Zee oan de riedsleden hie yn it bigjin fan de ieu it haedbistjûr syn byfal bitsjûge en Jan Hof hie dat ek dien yn de Hepkema's krante. Diskear roun it oars. It haedbistjûrslid De Clercq skreau nei oanlieding fan Sjouke de Zee syn bisykjen: ‘It Frysk yn skoalle en Tsjerke is goed hwer't it talitten wirdt, ûnder it bitingst fen net yn rûge en platte tael; yn de Steatesittingen en Riedsforgearringen heart it Frysk as sprektael net brûkt to wirden, hwent itjinge dêr forhannele wirdt moat immen dy't gjin Frysk forstiet yn praet en skrift ek fornimme kinne; yn de Rjuchtseale hoecht it Frysk allinne talitten to wirden as immen him yn it Hollânsk net uterje kin. (...) Oerdriuwing fen dizze punten winsket it Selskip fen 1844 net foart to sterkjen’Ga naar eind122.. It Selskip fan 1844: De Clercq hat grif net allinne syn eigen miening jown. Earder hie Selskipsfoarsitter S.L. van der Burg him al mear yn it algemien utere. ‘It Chr. Selskip en de Jongfryske Mienskip ... easkje it | |
[pagina 202]
| |
Frysk op for skoalle, tsjerke, kinst en wittenskip, perse en polityk. Us Selskip hat ta wyt it Frysk praten en skriuwen foart to sterkjen en to stypjen; it lêzen en de kennis en de Fryske tael mear algemien to meitsjen’. De skied lei, neffens Van der Burg, by de eask dat it Frysk offisiële tael waerd. Dêr koe it Selskip net yn meigean. ‘For in striid mei twang yn it findel, fiele wy gjin roppinge’Ga naar eind123.. Dizze forklearring, skreaun foar Sjouke de Zee syn iensum aventûr yn de Steaten, wjerspegelt binammen de bangens fan it Selskipsbistjûr om it by de autoriteiten to forbruijen. Gjin twang yn it findel, dat wie fansels moai sein. Mar yn de Steaten kaem de twang fan de oare kant, doe't Van Harinxma De Zee forbea yn it Frysk troch to gean. En hwat sei Jan Hof, deselde dy't yn 1901 sa moedich Fokke de Zee meistimd hie yn dy syn pleit by de riedsleden foar it gebrûk fan Frysk yn 'e riedsgearkomsten? ‘De hear De Zee wol it rjucht habbe om yn 'e forgearringen fen de Prov. Steaten Frysk to praten. Ik scoe sizze, dat rjucht hat er; ik leau net det der in wet tsjin is. Mar bin ik mis ... jow it him. In minske' sin is in minske' libben. De Zee is as propagandist tûkernôch om út himsels mei dit propagandamiddel op to hâlden, sa gau as er fornimt dat it him mear skea as brea opbringt’Ga naar eind124.. Men sjocht it, net Van Harinxma dy't Sjouke de Zee dochs sa dúdlik yn syn rjocht bikronken hat kriget de reis, mar Sjouke de Zee sels, dy't ôfbeard wurdt as in foegen opportunist. It komt der op del dat it de oars ek net sa mijende Hof oan moed mankearre hat it tsjin de Kommissaris yn 'e kant to setten. Al to great ûntsach foar dizze hurde regint hat wol faker it near lein op politike frijmoedigens en ûndernimmingsnocht yn Fryslân. Hof syn stik hat pas yn 'e krante stien in foech alve moanne neidat it gefal-De Zee him ôfspile hie. It hat alle eigenskip dat er him der leaver hielendal oer stilholden hie; mar doe't op it kongres fan Dimter (dat fierderop omtinken kriget) der wer pittige wurden oer fallen wiene, hat er der net foar wei kinnen en siz der noch hwat fan. Sa't de forhâldingen leine koe it net forwûnderje dat it skerpsre en nammers it meast krekte oardiel oer it gefal-De Zee kaem út it Kristlik Selskip. Dat barde yn it stik fan ds. Huismans dat ûnder de titel ‘Lytse Imperialisten’ forskynde yn ‘Yn ús Eigen Tael’Ga naar eind125.. ‘Winsket de kommesaris yn 'e Steateseale ien tael en det dy tael it Hollânsk wêze, it is syn rjucht, mar dit is den net mear as in rjucht om to winskjen. Winskje alle Steateleden itselde, trochdet it tafallich allegearre leden binne, dy't Hollânsk sprekke kinne en yn 'e Steateseale ek neat oars as Hollânsk sprekke wolle, den is dat in tafallige ienriedigens. | |
[pagina 203]
| |
Mar de Steateleden hawwe dermei likemin as de kommesaris rjucht om it swijen op to lizzen oan in lid, dat net oars as Frysk sprekke kin of wol. Sadwaende soe de tafallige ienriedigens fen winsken makke wirde ta in macht, dy't gjin groun hat yn 'e wet’. Hof neamt dit ‘glandige’ wurdenGa naar eind126., mar dêr is er mis mei. Folle mear is it in yn ienfâldige tael útsprutsen wierheit dy't hysels net sizze doard hat. Mei it Selskipswykblêd ‘Fryslân’ is it net goed gien. Ien jier hat it it útholden, mar ek gjin dei langer. Hie alles net dúdlik skriftlik akkordearre west mei de printer, dan wie it faeks al yn 'e simmer fan 1916 in moanneblêd wurden. Leit men de jiergong nêst dy fan ‘Sljucht en Rjucht’ fan 1916, dan docht bliken dat ‘Fryslân’ net ienris munsterje kin tsjin hwat Douwe Kalma ris forachtlik ‘dat krantsje’ neamd hie. Mar Kalma hie, neidat hy bûten de redaksje fan ‘Fryslân’ sletten wie, al gau syn draei nommen en him by Van der Tol as meiwurker fan ‘Sljucht en Rjucht’ oanpresintearre. Ut in ‘forklearringe’ fan sines yn it earste nûmer fan ‘Sljucht en Rjucht’ yn 1916 kin opmakke wurde dat hy him dêrby sahwat útjown hat as samler fan de Jongfryske skriuwers. Van der Tol en Eisma hawwe sa wiis west him net foar de holle to stjitten. Yn de Mienskip hat Kalma oer syn stap frijhwat to hearren krige, binammen fan Sipma dy't ûnderwilens lid wurden wie, mar ek yn 'e redaksje fan ‘Fryslân’ siet. De rûzje is lykwols bisljochte; en it is dochs wol sa kommen dat ‘Sljucht en Rjucht’ fan 1916 foar in part troch Jong-Friezen folskreaun is. Douwe Kalma, Marten Baersma, R.P. Sybesma en Rinke Tolman tusken lju as Rintsje Klazes fan Heech en D.H. Zylstra: persoanlike kunst nêst folkskunst om it yn 'e tael fan Douwe Kalma to sizzen. It gyng goed mei ‘Sljucht en Rjucht’, wylst it wykblêd ‘Fryslân’ der swier ûnder to lijen hie dat it it sûnder de jongere skriuwers dwaen moast. Dat hat mei de reden west dat gjin rop of rom fan ‘Fryslân’ útgyng bûten de Selskipsrounte en dat de Bûtenfriezen net folle reden hiene om ‘Sljucht en Rjucht’ op to sizzen en dêr ‘Fryslân’ foar yn it plak to nimmen. It Bûtenboun wie nammers ek mar in losse federaesje; it bistjûr koe út noch yn net út namme fan de oansletten forieningen sprekke en noch minder har oplizze om ‘Fryslân’ to lêzen. De sifers sprekke dúdlike tael: it Bûtenboun hie earst goedsein foar 900 nûmers tsjin f 1200, mar dat waerd letter 600 tsjin f 900 en fan dy 600 koe it bistjûr mar de helte kwyt. Sa is it in kostbere mislearring wurden foar it Selskip-1844, dat de forantwurdlikens fan de útjefte fan ‘Fryslân’ droech. Der bleau in skuld oer fan in pear tûzen goune en net ienris de eare alteast 52 wiken de lêzers hwat bûtenwenstichs en trefliks oanbean to hawwen. Yn de lytse katastrofe | |
[pagina 204]
| |
By it ûntbleatsjen fan de Waling Dykstra-stien op 10 septimber 1916. Op de foto binne to sjen fan l. nei rj.: Wytske, dochter fan Waling Dykstra, en har man Sies Koopmans, bakker to Holwert; frou L.M. Besuijen-Lindeboom en har man K.P.W. Besuijen, Deputearre; mr. P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, Kommissaris fan de Keninginne; S. Tulp Szn., riedslid fan Ljouwert; P. Peereboom, Deputearre; G.L. van der Zwaag, Deputearre; P.A. Wilhelmy, haedbistjûrslid Selskip-1844; Jantsje de Langen-Dykstra, dochter fan Waling Dykstra, Jan Walings Dykstra ell frou Dykstra-Kramer.
(Stedsarchyf, Ljouwert) is ek it jierboekje ‘Swanneblommen’ meisleept. Dat stoar by brek oan jild nei in bistean fan in foech sechstich jier, en is neitiid noch mar koart wer útkommen yn in oare foarm. ‘Fryslân’ waerd, as earder ‘Forjit my net’, in moanneblêd. Ien greate dei hat it Selskip noch bilibbe yn 1916: de ynwijing op 20 septimber fan de Waling Dykstra-stien by de Beursbrêge to Ljouwert. Ek it Bûtenboun en it Kristlik Selskip diene mei; it Selskip-1844 lykwols hie it hiele ûndernimmen op tou set en der jild foar sammele, goed twatûzen goune, mei hiel hwat frijwillige bydragen fan bûten de selskipsrounten: ek de keninginne en kommissaris Van Harinxma hiene hwat jown. De stien, in koarte obelisk mei op 'e strjitkant in fyn biwurke en goed lykjend Dykstra-reliëf fan Pier Pander, is wolbikend by de measte Friezen. De taspraken binne holden yn de Beurs: dêr hat Selskipsfoarsitter Van der Burg de stien mei in tapaslik wurd oerdroegen oan de stêd Ljouwert, fortsjinwurdige troch wethâlder Oosterhof, dy't gjin kâns seach yn it Frysk to antwurdzjen en it dêrom yn it Hollânsk die. Dêrnei spriek Jan Waling Dykstra inkelde wurden fan tank út namme fan de famylje, oanheljend | |
[pagina 205]
| |
hwat syn heit koart foar syn hinnegean ris sei: Hwat in drokte foar ien sa'n âld man. It ûntbleatsjen fan de stien barde yn it bywêzen fan hûnderten bilangstellenden, mar it programma wie dêrmei noch lang net ôfroun. Der folge dy middeis noch in wijingstsjinst yn 'e Greate Tsjerke, dêr't Van der Burg wer spriek, mar dêr't Wumkes, dy't it Kristlik Selskip fortsjinwurdige, dochs it wichtichste oanpart yn hie. Syn rede wie opmerklik om't er nei oanlieding fan in wurd fan Paulus in stichtlike grounslach joech oan it nasionalisme, dat neffens him ek Waling Dykstra bisiele hie. Wumkes skromme net om de klam to lizzen op de forheffende wearde fan it Frysk nasionael stribjen, en neamde it ‘in great wûnder fan God dat nei safolle ieuwen de Fryske geast, dy't sa réseptyf is foar it idéele, noch net foargoed ynslomme is’Ga naar eind127.. Nijsgjirrich en winlik net sûnder humor hat it west dat de term Frysk-nasionael, dy't hosk wie yn it Selskip-1844, op dizze septimberdei sa plechtich sweve troch de wijde romte fan de Greate Tsjerke. Nei Wumkes hat Bonne Sjoukes Hylkema út namme fan it Bûtenboun noch moai lang oan it wurd west. Bisletten waerd de greate dei jouns yn de Harmony mei in gelegenheitsstik fan Schuitmaker ûnder de titel ‘Foar Fryslâns Tael’ en in tapaslik slutingswurd fan Sjouke de Zee. Net fortsjinwurdige wie de Jongfryske Mienskip. Kalma hie lykwols in kear of hwat bisocht yn ‘Sljucht en Rjucht’ hwat freonliks to sizzen. Earst skreau hy, Waling Dykstra moast net eare wurde as dichter, hwant dat wie hy net, mar as de man dy't de Fryske folkssiele biwarre foar forgean’. En letter kaem der sawier noch in fers: ‘En nou't ús lûd in wird fen tankberens seit,
Bliuwt yet yens foarbyld en yens krêft ús riedend
En jowt ús rêst ...’Ga naar eind128.
It wie net it bêste dat hy ea skreaun hie. |
|