Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 183]
| |
Stilte foar de stoarmPiter Jelles' Fryske neisimmer - Kristlik Selskip kriget in tydskrift - Strideraesje yn it Selskip-1844 - It lêste kroanjier fan Waling Dykstra en syn forstjerren - Earste wrâldoarloch brekt út.In deimannich foar Krysttiid yn 1908 dielde minister-presidint Heemskerk oan it haed fan it hiele kabinet de Twadde Keamer mei dat de keninginne yn forwachting wie. Acht jier likernôch hie hja doe troud west, en op sokssahwat wie einliken amper mear rekkene. De Keamerfoarsitter joech in plechtich-bliid biskie, en der wie folle jûchhei en applaus. Troelstra lykwols, parlemintair lieder fan in útsprutsen republikeinske partij, koe der min omhinne en nim hwat distânsjeGa naar eind102.. Fan de dalje dy't dêr wol op komme moast kinne Troelstra en syn maten min ûnderstboppest west hawwe. Der wie lykwols in oan him persoanlik rjochte Frysk fers fan dr. J.B. Schepers, dat Troelstra net op him sitte litte woe. Hy wie op 't lêst ek de Fryske dichter Piter Jelles, al hied er dan ek yn sa'n sawntjin jier it spylark net mear klinke litten. Schepers krige, ek yn dichtfoarm, in dúdlik Frysk biskie. It wie in foech fearnsieu nei de pinnestriid Piter Jelles-Lútzen. Hwat Troelstra yn de wei wie, wie it ûnderskied dat Schepers makke tusken de swietlûdige dichter-sjonger Piter Jelles en de ‘kâlde’ steatsman Troelstra. Hy hie der forlet fan twa dingen witte to litten: der wie gjin wêzensûnderskied tusken de dichter en de steatsman en syn dichterskip wie noch libben en produktyf. Hy hie nammers al in skoft fan doel west syn fersen to sammeljen en út to jaenGa naar eind103.. It soe dan nou wêze; en oan de âlde fersen woe hy in rige nije tafoegje. It forhael hoe't hy yn 'e fakânsje fan 1909 to Stiens syn twa ferse-rigen ‘It Alde Doarp’ en ‘It Koalsiedterskjen’ skreaun hat, heart thús yn 'e literatuerskiednis. De bondel ‘Rispinge’ is doe ek al gau útkommen. Mar foar de Fryske biweging hawwe tige fan bilang west syn lêzing mei foardracht foar it bûtenselskip Rjucht en Sljucht to Den Haech (letter útjown ûnder de titel ‘Fen Liet en Libben’) en de tourné dy't hy makke hat as foardrager fan eigen wurk. It wie de Fryske neisimmer yn syn libbensrin mei folle sealen en opteine minsken, dy't goed foar de geast krigen hwat Fryslân yn de dichter forlern hie en fakentiden net sa wis wiene dat hja as Nederlanners yn de steatsman hwat mear en betters weromkrige hiene. Mar de amme fan hwat rommers en ûnprovinsiaels is wol oer de sealen gien; mei dêrnei | |
[pagina 184]
| |
Winterjounenocht to Rotterdam yn 1910; it wie de tiid dat Piter Jelles op in rige fan plakken yn en bûten Fryslân foardroech út syn pas forskynde bondel Rispinge. Hy hat, nei't er yn syn tinkskriften meidielt, der op 't lêst mei ophâlde moatten om't it him tofolle oangrypte. *
| |
[pagina 185]
| |
faeks it spitich bitinken dat Fryslân foar dizze man hwat to lyts west hie. It wie wer in tiid sûnder folle aksje op it Fryske mêd, mar tagelyk mei in oanwinnende gêsting. De gloede dy't Piter Jelles troch de minken jage, hat sûnder mis efter dy gêsting mear krêft set. Foar de histoarje hat dat folle wichtiger west as de fuortsette diskusje, hoe nijsgjirrich ek, oer de fraech hoe't Troelstra winliken sjoen wurde moast: dichter-steatsman út ien geast of yn de forhâlding fan de brave Piter Jelles-Jekyll foar de minne Troelstra-Hyde oer. Sa fier hawwe somliken it wol dreaun, mar it is ûnwichtich lyk as sa mannich striidfrage stadich bidobbe is ûnder it tiidsbarren. Yn it bigjin fan 1909 bigoun it moanneblêd fan it Kristlik Selskip to forskinen. It hjitte ‘Yn ús Eigen Tael’ en it stie ûnder bistjûr fan dr. Wumkes. Wumkes like yn it bigjin in frjemde forskining yn de Fryske biweging. Syn komôf wie in stikhinne Eastfrysk en Grinslânsk en syn taelgebrûk koe noch gjin sprekken lije. It hat syn romantyske geast west dy't him nei Fryslân en it Frysk dreau. Mar in stúdzjekop wied er ek, en hy bijoech him al gau mei ûngewoane flyt op it foar in great part noch braeklizzend fjild fan de Fryske kultuerhistoarje. Domeny wied er as J.H. Halbertsma, allinne hy herfoarme en Halbertsma minnist, hy dêrnêst binammen histoarikus en Halbertsma yn it foarste plak filolooch; en dochs mei sein wurde dat Wumkes yn mannich stik fjirtich jier nei Halbertsma syn forstjerren yn it iepen plak stapt is dat dy efterlitten hie. Beide wiene hja baenbrekkende amateurs dy't op in stuit oanhingen tsjin in heechlearaerskip. Wumkes syn ûntjowing kaem stadich op gong. Yn it earstoan moast de rjochtfeardiging fan it Kristlik Selskip foarop stean. Wumkes koe de dingen wol great sjen; nammers koe Huismans dat ek binnen biskate grinzen. Hja wiene ré de foarmannen fan it Selskip-1844 de eare to jaen dy't har takaem. Mar iensidich hiene dy al west. ‘Hja telden de bilidenisse fan de tsjerke net, sieten fol fen it Nut en lieten de flagge waeye fen - om ris in frjemd wird to brûken - humaniteit. Sa foun hjar wird gjin wearklank yn it hert fen it Griffemearde folk’. En fierderop, al echt yn de Wumkesstyl: ‘As it Fryske letterfjild mear bidauwe wier troch de amme fen Gods wird, scoe de taelbiweging breder, djipper, kreftiger weagens makke ha’Ga naar eind104.. Mei it ‘foredeljen’ fan de tael, dêr't Huismans it graech oer hie, roun it net sa hurd yn it nije tydskrift. Dat wie ek net to forwachtsjen. It wie in biedwurd, rjochte op 'e tjsinstanners, al siet der fansels wol it doel fan de oersetting fan de bibel en de psalmen efter. Folle stikken yn ‘Yn ús Eigen Tael’ wiene net mear as hwat forlette folksskriuwerij, oergetten dan almeast | |
[pagina 186]
| |
Earste nûmer fan it Frysk moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip, dat iepene mei in nijsgjirrich program-artikel fan dr. Wumkes. *
mei in stichtlik sopke. Mar de trochbraek wie der net minder wichtich om; it eigen lûd koe nou nei bûten brocht en it eigen oanpart biwiisd wurde. Wumkes hat yn de bigjinjierren fan syn redakteurskip help hawn fan Fryskkundigen dy't har eagen gean lieten oer syn stikken. G. Postma út Moarmwâld, dy't ek sahwat assistint wie fan De Clercq, wie ien fan harrenGa naar eind105.. De markante (mar net sa suvere) tael en styl dy't Wumkes him al skriuwend eigen makke hat, holden in dúdlike oantaesting yn fan Hof syn opfetting oer it Frysk as in rige fan dialekten mei winliken gjin romte en gjin rjocht foar in soarte standerttael. Fierderop sil dêr mear fan sein wurde. Wumkes wie in man dy't pas nei syn jonge jierren by it Frysk kommen is; nammers wie it yn Fryslân sa dat mannich yntellektueel letter Frysk byleare moast om't er fan hûs út dêr net genôch fan meikrige hie. Har foar Fryslân ûnmisber meidwaen ûnderstreke de needsaek fan in ‘algemien’ Frysk. Mei it Selskip-1844 gyng it nei 1908 net mear sa goed. Fan it jier 1900 ôf wiene der hieltyd leden bykommen; njoggen jier letter wie de groede der út en kaem in tiid dat it ledetal stadich wer hwat tobek roun. De | |
[pagina 187]
| |
kriten gyngen wol as fan âlds troch mei har fleurige jounen en der wiene ek elk jier wer in algemiene gearkomste en in Selskipsdei; mar it bytsje fjûr dat der nei de ieuwiksel wer yn kommen wie, wie al wer sa goed as dôve. Jong Fryslân hold ris in fytstocht en forspraette hwat hingelkaerten, mar it gyng och sa dimmen ta. Mei it Frysk ûnderwiis, sa ûnthjittend út ein set, gyng it gewoanwei min. Dat wie fansels alhiel net sa't it Selskip it bidoeld hie, mar der waerd mear oer skodholle as earnstich oer praet. It haedbistjûr like sahwat fan miening to wêzen dat it dien hie hwat it koe en dat it fierdersoan komme moast fan de ûnderwiiskommisje, it ûnderwiisfûns en de ûnderwizers sels. Der wiene learmiddels (nei Sipma syn boekje wiene ek de boekjes fan Hof en Zwart printe) en brek oan jild kearde de ûntjowing net op, ek al kaem mar in drôvich bytsje yn fan gewoane kontribuanten. It mankearre oan in aksjeprogram en oan fikse propaganda. Dat wie in algemiene Selskipskwael, mar by it ûnderwiis wiene de gefolgen it dúdlikst to merkbiten. De opset hie fan it bigjin ôf to biskieden en to bangeftich west. Hie it net it stribjen wêze moatten om it Frysk daliks yn it gewoane lesroaster opnommen to krijen? En hie dat yn elts gefal net it earste doel wêze moatten neidat de frijbliuwende regeling der kommen wie? Hiene net mei goede arguminten en krêftige aksje de ûnderwizersbounen yn de striid bihelle wurde moatten? Sa't it nou wie bleau it in spultsje fan kâlde fuotten. Ut en troch tromme de ûnderwiiskommisje de Fryskkundige ûnderwizers op, mar de fortuten dêrfan wiene lyts. De geastdrift foar it hiele gedoch bleau ûnder de mjitte, al wiene der in pear sinten oan to fortsjinjen. Dochs, de ûnderwiiskommisje joech gjin bilies. Yn 1911 hie hja sels de moed in Fryske akte yn to stellen. Mar it soe noch fjouwer jier duorje ear't oan Eelke van der Meulen, haed fan it lytse skoaltsje yn Goaijingea, as earste dy akte útrikt wurde koe. It brek oan geastdrift wie ek to fornimmen yn 'e Steaten, dêr't alris stimmen opgyngen tsjin it fuortsetten fan de jildlike stipe. It Selskipsbistjûr hat dêr in nijsgjirrige troef tsjin útspile, ntl. in oan harren rjochte brief fan Troelstra dêr't dy de suggestje yn die hwat subsydzje fan it Ryk to freegjen foar de bifoardering fan it Frysk; hy soe der him dan wol efter sette. Dat wie yn 1911 doe't er noch wolris mei syn wurk foar it buordtsje kaem. It Selskipsbistjûr wie hjir net op yngien; it achte dat it út Fryslân sels komme moast. De Steaten waerden hjiroer ynljochte. Oft it dêrfan kommen is, is min to sizzen; mar yn elts gefal, de healtûzen goune subsydzje bleau yn wêzen. In lyts neistikje spile him ôf yn de algemiene gearkomste fan it Selskip yn 1912, neidat Bonne Sjoukes Hylkema, in reisber man dy't wolris hwat mear wist as in oar, sein hie, dat hy yn de list | |
[pagina 188]
| |
fan ynkommen stikken in brief fan Troelstra mist hie. Wie it wier dat dy it Ryk oan wollen hie foar hwat jild foar it Frysk?Ga naar eind106. De Clercq spriek doe de kluchtich-greate wurden: ‘It Frysk is hwat fen de Friezen en it Ryk hat men der net mei oan to kommen’. En Van der Burg sei noch dat de skiednis fan Troelstra syn brief alhielendal net geheim wie; elkenien koe dy yn it Steateforslach fine. Nou hie Troelstra syn oanbieding (hy sil der sels wol antwurd op hawn hawwe), sa't de dingen der foar stiene, allinne mar biskate politike wearde; yn Den Haech hie de kwestje op it aljemint komme kinnen oft it Ryk net yn bigjinsel hwat jild oer hawwe moast foar it bifoarderjen fan de Fryske kultuer. De Clercq hie dat wol bigrepen en sei fan né; neffens him koe it Ryk net frege wurde hwat to dwaen foar de mar fjouwer persint Frysksprekkenden. Sa konsekwint-ôfwizend wie it hiele haedbistjûr net. Der hat ek in stikje opportunisme by sitten: de Steaten biwarje to wollen foar de skande dat in man fan de SDAP by it Ryk freegje moast om hwat hja net jaen woeneGa naar eind107.. Yn deselde gearkomste hat De Clercq it noch al hawn oer it skandlik bytsje dat oan frijwillige bydragen by it ûnderwiisfûns ynkaem. Dat wie nou just ek net pryslik, allinne mei dan dochs wer forwiisd wurde nei J.W. Dykstra syn meidieling dat der genôch jild wie foar mear Frysk ûnderwiis as jown waerd. Nochris: in aksjeprogram hie it Selskip net. It hie allinne in karbrief, en it doel stie omskreaun yn kêst 3: ‘It wyt fen it Selskip is Frysk praten en skriuwen foart to sterkjen en to stypjen; it lêzen en de kennis fen de Fryske tael mear algemien to meitsjen’. It wie Piter Sipma dy't yn deselde algemiene gearkomste útstelde ûndersiik to dwaen ‘hoe't better as oant nou ta útfiering jown wurde kin oan de 3e kêst fan it karbrief’. Sipma ljochte ta dat hy folslein bitrouwen hie yn it haedbistjûr, mar net foldien wie oer hwat it Selskip ûnder de jildende regels út 'e wei sette koe. Hy woe ha, in kommisje soe ris neigean hwat mear dien wurde koe, al of net mei foroaring fan it karbrief. It útstel waerd oannommen. As leden fan de kommisje wiisde it haedbistjûr oan S.L. van der Burg, G.R. Veendorp (Arnhim), R.W. Canne (Amsterdam), Jan Hof, en Piter Sipma seis. Doe it sa fier wie barde in nuver ding: Sipma naem de bineaming net oan. Dat wie om't er net mei Hof yn ien kommisje sitte woe, in ding dat lykwols net daliks wrâldkundich makke waerd. It is nou wol sahwat ta oan it forhael oer it skeel tusken Jan Hof en Piter Sipma, dat út de stikken by de hjoeddeiske lêzers oerkomt as in folkloristyske novelle: twa greate keardels dy't hwat mei mekoarren to forhakstûkjen hawwe, mar fiif jier lang net ta it needsaeklik petear komme kinne. Sa hat it west, mei fan gefolgen dat yn de algemiene | |
[pagina 189]
| |
gearkomste fan 1913 it bomke barstte. It forhael bigjint to spyljen yn de simmer fan 1908 doe't Jan Hof oan it haedbistjûr en de ûnderwiiskommisje in lange brief takomme liet mei in rige opmerkingen oer hwat hy seach as in ûnkrekte learmethoade fan Sipma, mei it each op de gelikense rjochten fan de hjir en dêr nochal fan mekoarren ôfwikende Fryske dialekten. Sa soene party learlingen oars staverje moatte as hja sprieken of oars prate moatte as hja staveren. Neffens Hof koe dat der út noch yn net op troch: der wie gjin ienheitstael en der moast gjin ienheitstael komme. Yn syn krityk gyng Hof út fan Sipma syn bikroand lêsboek en fan in lêzing fan Sipma op in ûnderwizersgearkomste. It lêsboek hie yn 1906 de priis woun, wylst Hof en E. Zwart, lyk as meidield is, elkmis in twadde priis krige hiene. Dat der hwat oergunst by Hof yn it spul west hat is letter mear as ienkear sein. Dat kaem ek troch de nuvere gong dy't dizze saek naem. Hof hat altyd útholden dat syn brief ornearre wie om as húshâldlik punt bihannnele to wurden yn in bisprek fan haedbistjûr en ûnderwiiskommisje. Ynearsten hie dêr de bûtewrâld en ek Sipma gjin kundskip fan hawwe hoegd. Pas nei it birie hie Sipma sels der yn bihelle wurde kinnen. Der sit yn dizze opfetting faeks in kerltsje formeel gelyk, mar it is sinneklear dat sûnder Sipma in hwat nuttige diskusje net goed mooglik wie. It is dan ek skoan to bigripen dat it haedbistjûr Hof syn brief daliks oan Sipma trochstjûrd hat; fan dy allinne wie in goed biskie to forwachtsjen. It gyng hjir om in spesialistyske kwestje, dêr't ek de ûnderwizers yn haedbistjûr en ûnderwiiskommisje net sa fuortynienen in miening oer hawwe koene. It forhael giet fierder mei in mislearre bisykjen om Hof en Sipma oan ien tafel to krijen. Sipma sels hat Hof in pear kear oan west, mar mei in reden of in forlechje wist Hof oan in petear to ûntkommen. Ek it haedbistjûr slagge it net de twa mannen gear to bringen. Hof koe nea, mar letter hat er tajown dat hy net woe. It haedbistjûr hat noch war dien it stik fan Hof yn ‘Forjit my net’ pleatst to krijen. Dêr koe dan Sipma syn antwurd by. Mar Hof sei né; syn brief wie ornearre as diskusjenota, net as krantestik. Yn 1910 krige Hof nei oerliz mei it haedbistjûr syn brief werom. It haedbistjûr sei fan herten to hoopjen dat der gjin kreauwerij út fuortkomme soe. Dat wie in fromme winsk; de kreauwerij koe net útbliuwe. Sipma syn oanfal kaem yn de algemiene gearkomste fan 1913. It barde foar Hof ûnforwachte; der stie neat fan op 'e wurklist, mar Sipma hie gebrûk meitsje kinnen fan in âlde kêst, dy't in lid mei tastimming fan de foarsitter it rjocht joech him to bikleijen oer de bihanneling troch in oar lid. Foarsitter Wielsma hie him dy tastimming jown, bûten meiwitten fan de | |
[pagina 190]
| |
oare bistjûrsleden. Hof hat dit letter biskreaun as in soarte komplot en der oanlieding yn foun oer Wielsma in great mûlfol lang forgearre galle út to spuijen. It wie Wielsma syn léste gearkomste as foarsitter; hy gyng ôf as bistjûrslid. It is wol wier (hwat Hof seit), dat hy as foarsitter nou just net útblonken hie, sa as it ek wier is dat Wielsma de net altyd sa earbiedige skriuwerij fan Hof yn de Hepkema's krante oer it hâlden en dragen fan it Selskip mar min forneare kinnen hat. En grif hat Hof gelyk, as er seit dat hwat ‘ûnwettichs’ sitten hat yn it tafoegjen oan de agenda fan dit punt sûnder oerliz mei de oare haedbistjûrsleden. Dochs wie Hof ek wol hwat de Ulespegel dy't it der nei makke hie. Sipma achte him misledige; minder noch troch de ynhâld fan Hof syn stik as troch de wize hwerop Hof sûnt 1908 in bisprek dêroer út 'e wei gien wie. Hy seach ek in oan ûnearlikens grinzjend ûnderskie tusken Hof syn gunstige kranteresinsje oer syn lêsboek en it lange (ûndertusken by Hof weromkommen) stik fol mei net sa noflike krityk. Sipma, it die wol bliken, fielde yn de gong fan saken in oantaesting fan syn wittenskiplike yntegriteit. Hy biet fûl fan him ôf tsjin in hwat forbjustere Hof, dy't yn de gearkomste net de wurden en de hâlding foun foar in fiks forwar. Hof krige wol hwat stipe fan leden dy't ek ornearren dat dizze saek net sa hommels en sûnder tarieding op it aljemint komme mocht hie; mar hy hie de gearkomste dochs net op syn hân. Dat die op nijsgjirrige wize bliken út de stimming foar in nij haedbistjûrslid (yn forbân mei Wielsma syn ôfgean): op it twatal stiene tafallich Sipma en Hof en Sipma woun mei great forskil. Hwat it striidpunt oanbilange, Hof, yn de knipe kommen, koe der net foar wei en ûnthjit syn stik dochs noch foar ‘Forjit my net’ ôf to stean. Sipma syn antwurd koe dêr dan ûnder. Mar Hof hat him dêr net oan holden. It siet him allegearre to heech. Sa is mei de pinne ûntstien hwat hy mei de mûle net kinnen hie: forwar en oanfal, fiifensawntich siden iepen brief oer de saek Wielsma/Sipma-HofGa naar eind108.. In goedskreaun stik mei hiel hwat oan Wielsma syn adres dat skoan yn to skikken is; gjin forhanneling lykwols dy't folle nijsgjirrichs of ûnfoechsums bleatleit op it haedpunt. Mar yn elts gefal wie dêr foar it earst in dokumint yn ôfprinte dêr't de hiele rûzje út ûntstien wie: it brief fan 1908 mei Hof syn krityk op Sipma syn taelopfettingen. Sipma hat der moai fûleinich op antwurdeGa naar eind109.; hy forwiet Hof in ‘wanhopich dilettantisme’; Hof soe fan it teken útgean, wylst alle taelkundigen witte dat de klank grounslach wêze moat. ‘Hof makket fan it Frysk in deade tael; ik wol der in libbene fan meitsje’. Yn syn twadde brosjuere ‘Is der in Fryske tael?’Ga naar eind110. hat Hof him noch wol fiks forward | |
[pagina 191]
| |
tsjin Sipma syn stik, mar it wie dochs wol dúdlik dat er him op to glêd iis weage hie. Der lizze nammers yn syn brosjueres dramatyske aksinten dy't in tokoart oan humor forriede, to min bigryp dat de hiele striid him ôfspile yn in akerke wetter. Hy is ek noch luik út de ûnderwiiskommisje roun. Dochs hat de algemiene gearkomste fan 1914 in formoedsoening sjen litten tusken de twa hoantsert, mar it barde sûnder in krom hertlikens. Letter is it hiel dúdlik wurden dat er wol sekuer in forskil wie tusken Hof en Sipma: Hof woe de tael yn syn dialekten-forskaet en syn moaije âlde idiomatyske foarmen konservearje, Sipma gyng it der mear om de tael takomst to jaen mei in soarte algemien biskaefd, dat hwat forskeel hjir en dêr net útsleat. Hof út de ûnderwiiskommisje wei en net yn it haedbistjûr: hy kaem hwat oan 'e kant to stean. It waerden foar him stillere jierren dy't by him in tanimmend pessimisme to sjen joegen oer de kânsen fan de Fryske taelbiweging. Syn striidfjûr soe pas wer oplôgje yn 'e botsing mei Douwe Kalma en syn Jongfriezen; mei him as de fortsjinwurdiger fan de konservative rjochting dy't wol de swakheden en oerdwealskens seach fan de nije streaming, mar net of amper de greate winst dat einlings, einlings de Fryske jongerein har opponearre. Undertusken wie Van der Burg oanwiisd as Selskipsfoarsitter yn Wielsma syn plak: in man, útblinkend troch kundigens en bisteklikens, mar yn doel en fisy dochs net útrizend boppe it wenstige Selskipsmodel. Hy wie it dy't to meitsjen krige mei it rapport fan de kommisje dy't neigien hie yn hoefier it Selskip mear dwaen koe foar it birikken fan syn doel: de kommisje-Sipma sûnder Sipma. Ien fan de wichtichste konklúzjes fan it rapport wie dy, dêr't it oprjochtsjen fan in wykblêd yn bipleite waerd. It Kristlik Selskip gyng ûnder al dizze bidriuwen noch hwat yn stillens syn gong. De keppel wie net iens sa lyts; en dochs koe it hâld yn it rjochtsinnige folksdiel ynearsten gjin sprekken lije. It hawwe yn de jierren foar de earste wrâldoarloch binammen de sjongerskrigen om de ‘Noardske Balke’ west dêr't dit Selskip mei bisocht yn de eigen rounte in hwat hechter posysje to winnen. Ek waerd writen dien de jongfeintebounen foar de Fryske saek to winnen. De kriten diene in soad oan priissprekkerij, dêr't wolris aerdich folk op los kaem. It bibeloersetten hold it omtinken; in nijsgjirrich ding is dat der foar dat doel meiwurking wie fan De Clercq, dy't mei G. Postma yn 'e rin fan de jierren stikken fan it Nije Testamint yn it Frysk oerbrocht hie. Dy forskynden stadichoan yn ‘Yn ús Eigen Tael’. Yn itselde blêd smiet Wumkes mei syn libbensbiskriuwingen fan haedmannen fan it Reveil yn Fryslân ljocht oer in heal | |
[pagina 192]
| |
De letter printe ‘earste Fryske preek bûten Fryslân’, dy't ds. Sjoerd Wartena op 2 augustus 1914 holden hat op 'e Friezendei to Utert yn de Waelske tsjerke. *
forgetten stik kultuerskiednis. Ds. Huismans en master Kamerling bleauwen de liedende mannen. Yn 1914 die it Kristlik Selskip hwat nijs: it stelde in propaganda-kommisje yn dy't bistie út de leden M.S.E. Visser, S.E. Wendelaar Bonga en A.M. Wybenga. It wurd propaganda wie oan dy tiid ta net safolle brûkt yn de Fryske biweging. It hie, nei't it liket, in hwat politike klank en binammen it Selskip-1844 woe nei goed liberale tradysje graech as ûnpolityk jilde. It Kristlik Selskip wie sa skruten net; binammen in man as ds. Huismans hat altyd de Fryske saek ek foargoed sjoen as in politike saek. Doe't er yn de iepeningsrede fan de algemiene gearkomste fan it Kristlik Selskip yn 1914 yn 'e pleit gyng foar Fryske learstuollen oan de universiteiten (binammen Grins), wist er tige goed dat dit feitlik in polityk punt wie. It wie deselde rede dêr't er ek hwat mismoedich gewach yn makke fan de ôfsidigens fan de tsjerke foar it Fryske preekjen oer. Wol hie ds. S.K. Bakker to Frjentsjer in Fryske preek holden, mar dat wie op útnoeging fan de krite fan it Selskip-1844; ek hie ds. S. Wartena to Utert in Fryske preek holden, mar dat wie foar it Boun om UtensGa naar eind111.. Hysels wist doe noch net dat hy meikoarten syn earste Fryske preek hâlde soe; ek | |
[pagina 193]
| |
Dizze huldebitsjûging út Nederlânsk Ynje krige Waling Dykslra by gelegenheit fan syn tachtichste jierdei. De krite Dell hie 13 leden. *
al wer net lykwols foar syn eigen gemeente, mar foar soldaten yn Brabân. Hy koe doe noch net ealgje dat der in mobilisaesje foar de doar stie. Waling Dykstra hat fan it jier 1914 allinne noch mar de earste wiken meimakke. Op 15 jannewaris kaem er to forstjerren. Hy is oan it lêst ta redakteur fan ‘Sljucht en Rjucht’ bleaun; in man, dy't yn in lang en muoisum libben it toanbyld west hie fan de stege en drege Fries, dy't him | |
[pagina 194]
| |
ek ûnder de lêst fan de jierren net deljown hie. Der is nimmen dy't sa faek huidige is as hy: de kroanjierren en jubileums rounen op by it oanwinnen fan syn libbenstiid en hy rymke en die mar fuort. Dizze âld-foarsitter en eare-foarsitter fan it Selskip-1844 hat nea in echte Selskipsman west. It Selskip koe him gjin bistean jaen en hy moast troch de tiid. As folksskriuwer hat hy syn tiid moai fier oerlibbe, yn safier't syn wurk, syn styl en syn tinkwize by syn forstjerren net mear it Fryslân út de jierren foar de earste wrâldoarloch wjerspegelen. Mar syn merkteken hat dochs stien op in heale ieu Fryske emansipaesjestriid, hwerby't it gyng om it bihâld fan tael en eigen folksbistean tsjin de druk fan de forhollânske boppelaech. En al hied er by it âlder wurden sels syn moed net sa bot mear, it hat sûnder mis mei syn wurk west dat jongere generaesjes der wol wer ljocht yn seagen. Der wiene foroaringen op kommende wei. It is nou wol dúdlik dat de earste wrâldoarloch net allinne it gefolch west hat fan de moard op in troanopfolger of fan diplomatyske ûnbihelprigens yn de augustusmoanne fan 1914. Der wiene al lang spanningen yn Europa en it kaem yn 'e simmer fan 1914 safier, dat binammen de autoritair of heal autoritair regearre steaten de krêften net mear yn 'e stokken hâlde koene dy't hja sels oproppen hiene. It hie ek hwat letter (of earder) barre kinnen, mar it krûdfet stie ré. Sa't de striid him ûntjoech waerd de needsaek fan ienriedigens yn forskaet hieltyd dúdliker field. De rjochten fan de lytsere folks- en taelmienskippen kamen mear en mear op it aljemint. Itselde barde mei de sosiale forhâldingen. Nammers is demokratisearring fan de geasten in wenstich oarlochsforskynsel, mei't de liedende rounten, dy't de minsken yn 'e hân hâlde moatte, har yn mannich stik yn 'e mjitte komme wolle. Yn it neutrale Nederlân wie fan ditsoarte ûntjowing ek wol it ien en oar to merkbiten, al bleau it kriichsgewelt op in distânsje. Piter Jelles hie in fearnsieu lyn yn ‘For Hûs en Hiem’ alris in bihanneling fan de posysje fan de lytse folken ûnlhjitten. Dat wie lykwols bleaun by in foarnimmen. Diskear koe it net útbliuwe of by it krêftich oanwinnen fan it emansipaesjestribjen fan de lytse folken yn Europa krige ek de striid fan it Fryske folk foar syn eigen identiteit in nije oantrún. De jongerein kaem yn biweging; in hiel oare jongerein as it hearrige en foarsichtige ploechje dat Jong Fryslân hjitte en dêr't yn 1914 nammers al net folle mear fan oer wie. |