Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 170]
| |
Yn rommer banenIt earste jongereinboun - Bûtenselskippen forienje har - Underwiis komt op gong; provinsje jowt hwat jild - Kristlik Selskip oprjochte - Stientsjedei to Boalsert.It boun Jong Fryslân, oprjochte op 'e earste Krystdei 1905, wie de earste organisaesje fan Fryske jongerein. It wurd jongerein kin yn dit gefal hwat misbigryp jaen. Lid koe elkenien wêze ûnder de 35 jier. Folle jeuchlike opteinens siet dan ek efter it ûntstean fan Jong Fryslân, mar faeks dochs wol in hoeden protest. It einde hwat to min by it Selskip en der moast ris hwat mear aksje komme. It wie lykwols utersté net de bidoeling it tsjin it Selskip yn 'e kant to setten. Jong Fryslân liet allinne Selskipsleden ta. Boppedat hold de grins fan 35 jier ek wol in moai stik wissichheit yn dat it mei de bolbjirkenens net to fier gean soe. Dêr kaem noch by dat ek lju boppe de 35 noch wol meidwaen mochten. Hja waerden ynskreaun ûnder de bineaming âld-lid. Sa koe it barre dat ek minsken as Waling Dykstra en Johan Winkler (mei noch in rychje oare pommeranten út it Selskip) har skaerden efter it Jong Fryslânfindel. It ûntstean fan Jong Fryslân wie yn haedsaek it wurk fan Jan Hof. Wol hied er goede maten foun yn Andle Schaap en Bontsje Hornstra út Roardahuzum, mar hy wie dochs de driuwende krêft. Hy stie dêrby yn in hwat minne posysje: hy woe hwat mear en hwat oars en tagetyk perfoarst net trochgean foar in rebel. Op de oprjochtingsgearkomste wiene ek de Amsterdammers Canne en Galama, beide ûnderwizers en leden fan it selskip Friso, dy't tidigen op de oare wyn dy't nou waeije soe yn Fryslân. Mar dan moast it wol sa dat Jong Fryslân gjin ûnderdiel wurde soe fan it Selskip. Canne wie noch wol sa freonlik om fan it haedbistjûr fan it Selskip oan to nimmen dat it graech mear woe, mar net koe; Galama lykwols liet fan it Selskip net folle hielGa naar eind87.. Doe't it útstel om Jong Fryslân gjin diel fan it Selskip útmeitsje to litten forsmiten wie, sakken de Amsterdammers ôf nei har trein. It is faeks goed hjir in pear dingen fan to sizzen. Alderearst: bûtenfriezen hawwe yn it forline wolris hwat to maklik tocht oer hwat de Fryske biweging dwaen koe en dwaen moast. De biweging bistie almeast út lytse boargers en wurke ûnder boargers; en krekt boargers hiene ieuwenlang ûnderfoun hoe tige har plak en har oansjen gearhong mei de wize hoe't hja net it Frysk mar it Hollânsk hantearren. Dat wie ek wol de djippere groun hwerom't, nei Troelstra syn sizzen, yn de Friezen gjin ‘moris’ to | |
[pagina 171]
| |
Eksemplaer fan in kaert fan it soarte dêr't it Boun ‘Jong Fryslân’ graech mei wurke. *
krijen wie; it forklearret teffens de hoedenens fan it Selskip. Twa: de Amsterdammers fortsjinwurdigen polityk en sosiael almeast in nije rjochting dy't him ek yn Fryslân sels al opponearre: de Frysksinnige sosialisten. Dat wiene minsken dy't troch har oertsjûging in stik bining mei de liberale maetskippij forbrutsen hiene en net eangen fan de gefolgen fan hwat mear echte striidberens yn de Fryske biweging. Dizze rjochting wie Hof sines net. It wiene net allinne de Amsterdammers dy't net meidiene oan Jong Fryslân. Hof makket noch gewach fan in oarenien dy't gjin lid wurde woe, ‘ús frjeon (Th.) Van der Schaaf, fen 'e Gerdyk’Ga naar eind88.. Dy hie him daliks as meidogger opjown, mar doe't er fan Hof hearde dat long Fryslân gjin propaganda-selskip wurde soe, loek er him werom. Hwat long Fryslân dan wol foar eagen stie? Yn 'e oprop ‘Oan 'e jonge Selskipsleden’Ga naar eind89. wurdt as foarbyld neamd de ‘krêftige jongerein’ dy't yn de Flaemske en Boheemske (lês: Tsjechyske) taelbiwegingen ré stiene ‘om it wirk to dwaen det de theoretici oanwize, en boppedien mei wird en died yn eigen ring op to kommen for de saek, dy't min foarstiet’. Dat lêste, soe men sizze, liket dochs wol tige op propaganda. Mar Hof leit it hwat oars útGa naar eind90.: it giet der binammen om de jongerein by it Frysk to hâlden, troch to meitsjen dat hja geastlik warber binne tsjin de ynslûpende ûntfrysking yn húshâldingen en oare formiddens. Dat komt dus del op in soarte fan ynwindige sinding; de foriening dy't dat toweibringe soe moast in ‘freonerounte’ wêze. | |
[pagina 172]
| |
Biskiedener koe it hast net. Dochs is by party Selskipsleden de oprjochting fan Jong Fryslân oankommen as in skok, binammen ek troch de ruchtberens dy't mannen as Hof, Buitenrust Hettema en Schepers der oan joegen. Der binne tekens dat sûnt 1905 it Selskipsbistjûr it wurktempo hwat forhege hat. Boppedat hat Jong Fryslân in jier of hwat noch wol it ien en oar ûndernommen. It hat mei it driuwen fan Jong Fryslân west dat der Selskipsdagen kamen. De earste wie yn Ljouwert yn 1906 mei in priissprekkerij, in lêzing fan J. Hepkema oer H.G. van der Veen en in konsert fan de stafmuzyk yn de Prinsetún. De twadde waerd holden yn Oranjewâld yn 1907. Jan Hof skriuwt dêr wiidweidich oerGa naar eind91.: hy siet mei Andle Schaap en de ‘delegaet’ fan it haedbistjûr, Wilhelmy, yn de kommisje dy't oan 'e iene kant it feest regelje moast en oan 'e oare kant der foar soargje dat it sahwat gjin jild koste. De sjongkriich dy't earst holden wurde soe moast oergean; wol wie der meiwurking fan it Frysk sjongkoar en it fanfarekorps fan 't Hearrenfean. Sjouke de Zee spriek en juffer Alida Ringler droech foar. Trijehûndert minsken wiene der neffens dr. Schepers dy't der oer skreau yn ‘De Groene Amsterdammer’, seishûndert neffens Hof. Feitlik bleau der noch jild fan oer. Efternei bisjoen hat Jong Fryslân, sa tige as it him skikte ûnder de Selskipslieding, dochs de earste oantaesting bitsjutten fan de monopolistyske posysje dy't it Selskip lange jierren hawn hat yn de Fryske biweging. It haedbistjûr, noch altyd bouwend op 'e liberale tradysjes, die hwat de maetskiplike ûntjowing like ta to litten sûnder dat der spul fan kaem. Jong Fryslân woe winliken wol fierder gean en as 't moast hwat strideraesje aventûrje. Mar it hie sels makke dat it allegeduerigen op 'e fingers sjoen waerd, en it hie, mei syn iene goune kontribúsje yn it jier, syn krêft noch mear forswakke om't it ek jildlik fierhinne fan it Selskip ôfhinklik bleau. In moannemannich earder as Jong Fryslân wie oprjochte it al neamde boud fan selskippen bûten Fryslân. Foar in part wiene dizze selskippen bûtengewoan lid fan it greate Selskip, mar der is al sein dat dat net folle ynhold. Foarsitter waerd G.R. Veendorp. Der sleaten har ynearsten tsien selskippen by oan. Letter waerden dat mear, binammen neidat Bonne Sjoukes Hylkema Veendorp as foarsitter opfolge hie. Dizze auteur fan hwat âlderwetske toanielstikken wie ek feardich mei de mûle en hie der de slach fan, syn reisber bistean as assurânsjebisoarger tagelyk tsjinstber to meitsjen oan Fryske propaganda. Hy wenne doedestiids yn Meppel. Dit earste bûtenboun hat in rige Friezendagen holden mei sprekkers en preken en sjongkrigen. Fan in inkelde heechtiid sil letter gewach makke wurde. Ek toanielkrigen binne der in mannich holden. It bistjûr hie lykwols net folle earmslach mei de stûr it lid fan de oansletten | |
[pagina 173]
| |
selskippen. Letter kaem der ek skeel; en stadichoan gyng de geast der hwat út. Yn 1918 hat dit boun opholden to bistean. Yn maert 1906 kaem Tsjibbe Gearts van der Meulen, krapoan 82 jier, to forstjerren. Yn 1904, doe't er tachtich waerd, wied er noch fiks huldige; nammers hie hy de Friezen ek gjin kâns jown om him to forjitten. Mei 74 jier hied er noch syn toanielstik nei dr. Eeltsje's bikende forhael ‘De Reis nei de Jichtmasters’ yn it ljocht jown, dat sûnt faek opfierd wie. Ek yn de Selskipsskriften en de Burgumer krante hie syn stim noch faek to fornimmen west, en oan it lêst ta wie it deselde stim: ris in brike set en yn de forhalen in oerdied oan melodramatyske effekten. De lêste fan de forneamde folksskriuwers wie hy net: Waling Dykstra libbe noch as in hart hwat de lêzers fan ‘Sljucht en Rjucht’ elke wike wer merkbieten. Mar wol yn forfal wie in genre, dat syn hichtepunt bilibbe hie op it winterjounenocht fan de eardere ieu. De (liberale) preek en tapassing sloegen net mear op de foroare omstannichheden en opfettingen. De ûnderwiisaksje kaem yn 1904 oer in tûkelteam hinne mei de forskining fan de ‘Lytse Fryske Spraekleare’ fan G. Postma en P. de Clercq. It boekje waerd net oer alle boegen goed bioardiele, al hie Onno Sytstra der foar it útkommen noch syn eagen oer gean litten. Jan Hof en Waling Dykstra hiene binammen biswier tsjin it bisykjen fan de skriuwers de Fryske tael to forrykjen mei in rychje eigenbitochte wurden (Leechlân foar Nederlân, stêf foar letter, wurdlûd foar klinker, ensfh.). Mar by brek oan better moast it boekje nommen wurde sa't it wie. It wachtsjen wie doe noch op 'e lêsboekjes, dêr't it Selskip in priisfraech foar útskreaun hie. Foar de bioardieling wie in kommisje oanwiisd mei û.o. de ûnderwizers-haedbistjûrders Wielsma, Sytstra en Hornstra der yn. Dizze kommisje karde yn 1905 fan de njoggen ynstjûrde hânskriften trije goed: dy fan P. Sipma, E. Zwart en J.J. Hof. Sipma, doedestiids noch ûnderwizer yn Grins, wie in filolooch yn opkomst dy't letter binammen as wittenskipsman in wichtich plak ynnimme soe yn de Fryske biweging. Zwart wie haed fan 'e skoalle yn Warten, in man dy't ek mei toanielskriuwerij pielde. Jan Hof wie de iennichste net-ûnderwizer yn in hiele rounte fan pedagogen. De priis fan hûndert goune wie foar Sipma; en der wie jild om Zwart en Hof beide in preemje fan fyftich goune to jaen. De rojalens kaem wer fan De Clercq syn kant. Yn elts gefal wie nou hwat de learmiddels oanbilanget de grounslach lein foar it earste ûnderwiis yn it Frysk. It Selskip rette foar it printsjen fan de boekjes. De bûter moast nou jild jilde: yn april 1906 kloppe it haedbistjûr fan it Selskip by Deputearren oan mei it forsiik meiwurking to jaen oan it | |
[pagina 174]
| |
Bûtenpagina fan de twatalige subsydzje-oanfrage fan it Selskip oan de Steaten foar Frysk ûnderrjocht ‘bûten de gewoane leartiid’. Yn 1907 joegen de Steaten in jierlikse bydrage fan f 500. *
stiftsjen en bistjûren fan in ûnderwiisfûns, dêr't de kosten fan it lesjaen yn it Frysk oan legere skoallen, bûten de skoalûren, út bitelle wurde koenen. In provinsiael subsydzje waerd ynearsten noch net frege, mar it forsiik dêrta waerd al oankundige. De grounslach soe lykwols lein wurde moatte troch in ‘fortroulike’ ynsamling by minsken mei jild, yn de provinsje en ek dêrbûten foarsafier't hja yn Fryslân bigoedige wiene en troch in algemiene oanfraech fan lytse jeften. Fierders waerd der by Deputearren op oanstien dat hja, yn it bilang fan de kwaliteit fan it ûnderwiis, ûnpartidigens, oarder en regel, it taforsjoch op har nimme soene. It waerd in kwestje fan oerliz dêr't, nei oannommen wurde mei, al daliks út fuortkaem dat it near lein waerd op in adres oan de keninginne, al skynt dat earst noch wol forstjûrd to wêzen. Jan Hof hie dêr oars yn Hepkema's krante in stikje moai pathetyske bigelieding by skreaun. De hiele saek wie foar Deputearren hwat ûngewoan. Der wie yn Fryslân wol in biskieden kultuer-politike tradysje ûntstien mei it útjaen fan it wurdboek, de meiwurking en stipe oan it Frysk Museum en it biwâld oer de provinsiale bibliotheek. Mar ûnderwiis wie eat dat doedestiids noch alhiel | |
[pagina 175]
| |
bûren de eachweiding en, nei't algemien ornearre waerd, ek bûten it foech fan de provinsiale bistjûren foel. It is los dêrfan oannimlik dar in soarte fan identifikaesje fan de provinsje mei it Frysk ûnderwiis Deputearren op politike grounen net flijde. Mar ôfsidich holden hja har dochs net. It Selskip krige de rie mar mei it ûnderwiis út ein to setten; en it yn 1907 by Selskipsbislút oprjochte ûnderwiisfûns krige datselde jier op útstel fan Deputearren fan de Steaten in subsydzje fan f 500. Fierder is it, mei troch oerliz mei de provinsje, der ta kommen dat it fûns yn 1909 de stiftingsfoarm krige mei in bistjûr fan fiif man, twa út it Selskip en trije út it Genoatskip. Dat it Frysk Genoatskip der yn bihelle waerd liket hwat nuver. It kaem ek net om't it altyd sa warber west hie foar de Fryske tael en sa tige oanstien hie op ûnderwiis yn it Frysk; it wie in kwestje fan taktyk. Yn it meidwaen fan it Genoatskip like twadderlei foardiel to sitten: it hold in gerêststelling yn foar de erchtinkende bûtenwrâld en it joech it fûns hwat in wittenskiplik stimpel. Nammers hie it Genoatskip hiel wol leden dy't as bistjûrders fan it fûns goed op har plak wiene. Foar it ûnderwiis sels moast it Selskip riede. Dat wie it wurk fan de yn 1900 bineamde ûnderwiiskommisje mei as leden O.H. Sytstra, J.J. Hornstra en P. de Clercq. Dy kommisje rôp yn 'e maitiid fan 1907 in tal ûnderwizers, dy't yn steat achte waerden om Frysk ûnderwiis to jaen, op foar in gearkomste yn Ljouwert. Der kamen trettjin, frijhwat minder as forwachte wie, mar dochs genôch om de kondysjes mei to bipraten. Lessen en learmiddels waerden forgees; it Selskip soe war dwaen om it brûken fan leslokalen ynskikt to krijen, as it koe mei fjûr en ljocht; de kursus soe twa jier duorje en elke winter út fyftich lesûren bistean. It lean fan de lesjowers soe ynearsten 75 sinten yn 'e ûre wêze. Dat taryf is neitiid al gau forhege. It lesjaen is út ein gien yn 'e hjerst fan 1907. It wie in bimoedigjend bigjin: 17 skoallen en 297 learlingen. Mar in jier letter wiene der mar 247 learlingen mear en it tal skoallen bigoun daliks ek al ôf to takjen: 14 yn 1908-1909, 13 yn 1909-1910, yn it lêste gefal noch ‘mei need’ neffens Jan HofGa naar eind92.. It waerd noch slimmer: yn 1913-1914 wiene der noch mar fjouwer skoallen mei Fryske les; en winliken moat men jin forwûnderje oer de moed dêr't dochs mei fuortfearn waerd. De middels fan it ûnderwiisfûns wiene net rom. Dochs wie it gjin krapte oan jild, tsjûget J.W. Dykstra. ‘Om de jildmiddels hiene der wol trijeris safolle wêze kind. De oarsaek wie: to min bilangstelling by âlden en ûnderwizers’Ga naar eind93.. It is letter wol wer better wurden, mar dochs jierren in bihyplik spultsje bleaun. Moat it allinne oan de âlden en ûnderwizers witen wurde? It Selskip hie | |
[pagina 176]
| |
it wurk goed op poaten set. Oan it jild lei it ek net en likemin oan it ledetal fan it Selskip, dat yn 1908 mei 1600 trijeris sa great wie as by it eardere hichtepunt yn de tachtiger jierren fan de njoggentjinde ieu. It tal kriten wie ek fiks oanwoun. En dochs woe it net mei it ûnderwiis. In wichtige reden is yn oar forbân al earder neamd: bangens foar fûle propaganda, bangens foar aksjes dy't meitsje koene dat it Selskip op in forkearde namme kaem to lizzen. Alles hwat it Selskip oer syn stribjen nei bûren brocht wie winlik net folle mear as in preekjen foar de eigen yn forhâlding noch altyd lytse parochy. Der siet gjin fjûr yn it Selskipskader út binaudens om yn de eigen liberale maetskippij foar brânstifters útmakke to wurden. Jan Hof dy't sa graech hwat mear fûleinigens en hwat mear tempo wollen hie, skriuwt de ‘oerstadigens’ fan it Selskip ta oan it ‘wêzen dat it liberalisme fan dy dagen him oaneigene hie ...; it wêzen fan de bourgeois satisfait (...) It die it him yn alles skoan oan tiid; der wiene ommers gjin oare libbensskôgingen dy't meitelden as it op dwaen oankaem’Ga naar eind94.. It binne wurden dy't yn it weromsjen de situaesje dochs net sa dúdlik werjowe. De ‘bourgeois satisfait’, hoe selsoertsjûge dy ek wêze mocht, wist tige goed dat der oare ‘libbensskôgingen’ opkamen, de sosialistyske en de neo-kalvinistyske, en fielde ek wol dat hy stadichoan yn 'e knipe kaem. En yn de binearing wie der gjin plak mear foar it rom herte en de kleare kimen. It liberalisme fan it bigjin fan de ieu stie yn de fordigening. It kabinet-Kuyper hie it dúdlikste teken west dat de tiden foroare wiene. Foar safier it liberalisme stal hie yn it Selskip line it langer mear op tradysje as op frisse idéen. Dy tradysje bistie yn haedsaek út twa parten. Dêr wie yn it foarste plak it al earder neamd stil akkoart, dat de Fryske biweging har plak joech op bitingst dat dy har skikte yn de maetskiplike oarder mei it Hollânsk foarop. It stie op gjin inkeld papier, mar bigrepen wie it tige goed. It forklearret bgl. hwerom't Waling Dykstra yn 1884 yn de ‘Nederlandsche Dicht- en Kunsthalle’ (Antwerpen) skriuwe koe: ‘Harmen Sytstra dweepte indertijd met het denkbeeld, dat op de dorpsscholen in Friesland het onderwijs in de Friesche taal, zoo al niet verplichtend gesteld, dan toch zou worden toegelaten en aangemoedigd. Er is niets van gekomen en thans valt hieraan in de verste verte niet meer te denken’. Letter is, noch by Waling-om syn libben, it dochs in lyts kromke dy kant útgien; mar hoe soe dat oars kinnen hawwe as ‘oerstadich’? It twadde part fan de tradysje wie de bining oan de folklore. Lange jierren is folklore sjoen as fierhinne itselde as Fryske sede. Yn ús dagen wurdt allinne noch mar praet fan folkskunde, in neutrale term foar in | |
[pagina 177]
| |
nijsgjirrich stikje kultuerhistoarje sûnder al to greate emosionele lading. Mar dat wie yn de njoggentjinde ieu hiel oars. Geve Fryskens waerd doe fakentiden binammen sjoen yn it fêsthâlden oan gebrûken en oanwensten dy't folle minder mei folkskarakter to meitsjen hiene as mei âldfrinzigens fan in hwat ôfsûndere agraryske folksmienskip. En al binne de grinzen net altyd dúdlik to lûken, fêst stiet yn elts gefal dat by it skieding meitsjen tusken Frysk en ûn-Frysk yn de âlde biweging de klam fiersto folle de folkloristyske kant oer lei. Waling Dykstra syn pessimisme is mei to forklearjen út it yn it neigean reitsjen fan hwat hy as âld en goed en geef en Frysk seach; winlik is syn ‘Uit Friesland's Volksleven’ ek in wémoedich ôfskie fan it yn syn eagen echte Fryslân, dat hy noch kend hie. By minsken as Jan Hof en R.W. Canne hat it forbliuw bûten Fryslân in forromjende en frijmeitsjende ynfloed hawn. Foar harren leine de grinzen fan it mooglike in moai ein fierder as foar mannen as Van der Burg. Onno Sytstra en Hornstra, dy't Hof nammers wol heech hie en fan hwa't er ek tsjûget dat der ‘oars wol fuortgong yn siet’Ga naar eind95.. De Selskipslieding hie lykwols to meitsjen mei it type fan it gewoane lid dat der yn stêd en doarp faeks noch wol hwat útroun, mar foar hwa't der dochs mear to bihâlden as to winnen like en dy't boppedat oppasse moast om ûnder de boargerij syn posysje net yn gefaer to bringen. Yn dy forhâldingen wie it emansipearjend karakter fan de Fryske biweging fier fan dúdlik mear. It koe dan ek hast net misse of ienris moast tsjin dizze tastân fan stagnaesje aksje komme fan jongerein dy't hiel hwat minder mijend wie en hiel hwat minder ré om yn de stringen to bliuwen as it troch en troch brave Jong Fryslân fan Jan Hof en Andle Schaap. Earst barde lykwols noch hwat oars. Der kaem in Kristlik Frysk Selskip. It forhael dêrfan bigjint by it Frysk studinteselskip Natio Frisica oan de Frije Universiteit to Amsterdam. Ien fan de oprjochters dêrfan wie Sipke Huismans, dy't nei it ôfsluten fan syn theologyske stúdzje fan 1901 ôf as grifformeard domeny stie to Eanjum. Sipke Huismans wie in biwûnderer fan Lútzen Wagenaar en tagelyk in oertsjûge discipel fan Abraham Kuyper, fan hwaens linguïstyk-kolleezjes er, neffens syn eigen wurden, ‘de tael, syn wêzen en syn rjuchten bisjen leard (hie) yn in ljocht fen de Calvinistyske libbens- en wrâldskoging’. Sa wiene him ‘ek de eagen iepen gien oer it wêzen en it rjucht fen de Fryske tael, en dêrmei oer de ropping en de plicht fen de Friezen’Ga naar eind96.. It goed rjocht fan de tael op alle libbensgebieten, de tsjerke net út-sondere: dat wie in opfetting dy't him daliks in eigen en net ûnbidrige plak joech ûnder de Fryske grifformearden. Net ûnbidrige, om't er wurke ûnder de neiteam fan Dordt mei de Hollânske bibel as, nei't it like, ûnforwrigber | |
[pagina 178]
| |
Ds. Sipke Huismans, de man dy't de grifformearde rounte it rjocht en it plak fan it Frysk, ek yn de earetsjinst, forkundige hat mei nea wifkjende oertsjûging, is dêrmei yn syn stânplak Eanjum op fûle wjerstân stuite. Net allinne hat hy yn de fyftjin jier dat hy dêr domeny west hat (1901-1916) nea in Fryske preek hâlde mocht, mar sels yn it gearwêzen nei de preek wie him it Frysk praten forbean (meidieling fan ds. Bernard Smilde). *
geastlik hânboek en de Hollânske tsjerketael as boppe de folkstael steand medium fan forkundiging; en fan gefolgen mei in tsjinnichheit yn it Frysk as it gyng om earnstige en hillige saken. Dy tsjinnichheit siet djip en hold foar Huismans de needsaek yn om it yn it bigjinsel to sykjen, folle mear as yn it sentimint dat sa lang fierwei de measte klam krige hie yn de Fryske biweging. Syn Frysk idealisme wie boud op in hecht founemint: neo-kalvinistysk en praktysk. Ek it Fryske folk en de Fryske tael wiene út God; en it evangeelje wie itselde foar alle folken en yn alle talen. ‘As in folk en syn tael forlern geane, den komt det nea troch it Evangeelje fen Christus, mar altyd troch it twangjok fen frjemde bistjûrs- en cultuermachten, en aldermeast troch eigen skild, ûntrou, forried, moart oan eigen aerd en wêzen, hwent salang as min gjin forrieder en moardner fen yensels wêze wol, hoecht gjin folk ûnder to gean’Ga naar eind97.. Dizze wurden jowe yn it koart wer hwat hy altyd miend hat; | |
[pagina 179]
| |
Oankundiging fan de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip. It adfortinsje stie yn De Getuige, in to Ljouwert útkommend blêd fan de A.R.P. Yn in redaksioneel stikje seit ‘Bart’: Laten wij niet in doffe onverschilligheid deze vergadering voorbij loopen. De taal is een gave Gods. *
| |
[pagina 180]
| |
mar ek sit der de fûleinigens en de bitterens yn fan de feitlik út Fryslân fordreaune. Hy spriek se út yn 1919 op de Pinkstergearkomste fan it Kristlik Selskip, doe't er al jiermannich stie to Zevenhoven yn Súdhollân. Ut syn taspraken komt hy nei foaren as in man mei winlik folle moderner idéen as de doetiidske lieders fan it Selskip fan 1844. It gelikense rjocht fan it Frysk op alle libbensgebieten, dêr sit al de hiele problematyk yn fan de twataligens sa as dy pas nei de twadde wrâldoarloch goed oan 'e oarder kommen is. Frysk ûnderwiis oan alle skoallen as normael learfak, it ûnsinnige en ûnrjochtfeardige fan it hâlden fan it Frysk bûten it ‘officium’, de needsaek fan in Frysk wittenskiplik sintrum, hy hat it allegearre op it aljemint brocht. En hy hat ek foar it earst de Friezen yndachtich makke op har semi-koloniale posysje yn de Nederlânske naesje. Oprjochte waerd it ChristlikGa naar eind98. Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse op 8 juny 1908, twadde Pinksterdei. Foarsitter waerd ds. S. Huismans, skriuwer G. Kamerling, skathâlder mr, J.W. Tysma; fierder kamen yn it bistjûr dr. G.A. Wumkes, H.M. Tromp, J. Schuringa en O.S. Akkerman. Dr. Wumkes wie sûnt 1906 herfoarme domeny to Snits, in man dy't op dat stuit kultuer-histoarysk it plak fan Fryslân better seach as er de tael bihearske. Mar hy soe noch folle fan him hearre litte en ynearsten wie syn meidwaen wichtich om't it oan it Selskip in algemien kristlik stimpel joech. Sa'n stimpel woe Huismans ek hiel dúdlik. Ek H.M. Tromp, boargemaster fan Wymbritseradiel, wie herfoarme. It âlde liberale lûd fan hwerom wer apart en hwerom net meimekoarren is wol fornommen by de oprjochting fan it Kristlik Selskip, mar dochs net sa lûd. Dr. Schepers hie in stik fan dizze strekking yn ‘De Groene Amsterdammer’; Jan Hof lykwols, dy't de situaesje yn Fryslân hiel hwat better koe, skreau al yn 1907 yn de Hepkema's krante, nei oanlieding fan tariedende stikken fan A.M. Wybenga, ds. Huismans en master Kamerling yn it ‘Friesch Dagblad’: ‘ ... hwet scoe't my moai talykje, sa'n Selskip!Ga naar eind99. En yn de oprjochtingsgearkomste waerd in brief foarlêzen fan P. de Clercq, haedbistjûrslid fan it âld Selskip, dêr't dy f 150 yn tasei foar in priisfraech dy't in gaedlik lêsboek foar de kristlike skoallen opleverje moast. Der hat net folle west dat sa op priis steld is op dy Pinksterdei. Lit der gjin misbigryp wêze oer it Kristlik Frysk Selskip. Dat de Fryske biweging dêr in diminsje mear troch krigen hat is pas njonkenlytsen dúdlik wurden. Ynearsten hie dat Selskip alle kriich en alle moed nedich om in plak to krijen yn it eigen rjochtsinnige formidden. It is al sein: de bibel, de psalmen en hiel de rike foarrie oan stichtlike lektuer wiene Hollânsk; de tale Kanaäns libbe ûnder de Friezen yn deselde teksten as | |
[pagina 181]
| |
by de minsken yn it oare Nederlân. Dêrnêst gou it Frysk fan it hûs, fan de omgong en fan it birop as in profane tael; en slimmer, as de tael fan profanearders út de frijsinnige en liberale rounten. It Frysk, dat wie nocht en wille, dat wie gekjeijerij, dat wie withoe faek ek de spot slaen mei alles hwat hillich wie. Frysk op 'e kânsel like dêrom wol neat; en it is dêr binammen by de grifformearden noch lang hosk bleaun. Ds. Huismans hat yn Eanjum nea in Fryske preek hâlde kinnen; en as der dochs ien wie dy't it Frysk fordigenje koe en de mooglikheden dêrfan wist, dan wie hy it. It wie de foarmannen fan it Kristlik Selskip foargoed oplein om hwat bigjinsel en doelen oanbilanget op fêste groun to stean. Mar hoefolle dúdliker en rommer opfettingen as hja ek hiene oer it rjochtlik plak fan it Frysk, mear as biskiedenens mocht har in rige fan jierren noch net barre. Mei it stribjen nei in Fryske bibeloersetting en it ynheljen fan de efterstân yn it gebrûk fan in ‘foredele’ Frysk foar literaire en stichtlike doelen hiene hja de hannen fol. It ledetal, dat al nei in jiermannich op in foech tûzen stie, stagnearre dêrnei op in gâns leger tal. Yn elts gefal, it Kristlik Frysk Selskip hearde der sûnt fiks by. En dat it syn krêft net socht yn isolemint die al daliks bliken by it Gysbert Japiksfeest yn 1908 to Boalsert. Op 12 augustus fan dat jier waerd yn Gysbert syn bertehûs oan 'e Wipstrjitte in tinkstien mitsele. Der wie dêrfoar gjin oare reden as dat de âlde théhandler Bouwe Bölger (man fan de generaesje fan Waling Dykstra) dy stien graech presint dwaen woe, en de widdou Memerda, oan hwa't it hûs yn 'e Wipstrjitte tabihearde, permisje jown hie om dy yn de muorre to bimitseljen. Mar it Selskip-1844 ûnder hwaens bistjûr dit barre moast, hie der in moaije gelegenheit yn sjoen om der in Selskipsdei oan to forbinen en it Kristlik Selskip, dat útnoege wie, om himsels to presintearjen. Dit wie it twadde Gysbert-feest yn Boalsert. Mear as tachtich jier lyn hie dêr de blom fan Fryslân optein hulde brocht oan de neitins fan de dichter, dy't biwiisd hie dat de Fryske tael geef en ryk genôch wie om der ûnstjerlike fersen yn to skriuwen. Diskear foel de klam op hwat oars. Yn de gearkomste fan it âld Selskip yn de greate tsjerke sei de kristen-sosialist ds. S.K. Bakker fan Gysbert: ‘Sa stiet hy foar ús mei syn Fryske troanje - mei syn Frysk hert - sljucht en rjucht - mei beide foetten op 'e ierdeen mei de eagen omheech - in stân-Fries mei in Christen-siele en in Dichterhert’Ga naar eind100.. De kristen Gysbert Japiks. Yn de Broeretsjerke, dêr't it Kristlik Selskip gearkaem, gyng ds. Huismans út fan syn foarbyld. ‘It from gemoet fen de Fries utert him net yn frjemde mar yn Fryske klanken. En yn it heilichdom fen syn stille sielelibben en syn forbirgen omgong mei God wirdt gjin | |
[pagina 182]
| |
oare tael spritsen as de Fryske tael’Ga naar eind101.. Der wie yn dizze taspraek ek it ûnthjit fan ‘it hilligjen fen it Frysk as godstsjinstige tael troch it bifoarderjen fen oersetting en forsprieding fen alle of inkelde Bibelboeken’. By de plechtichheit yn 'e Wipstrjitte sprieken Selskipsfoarsitter Wielsma en nochris ds. Huismans. It waer wurke net mei en dêr hie binammen it glânsstik fan it feest, de greate histoaryske optocht, ûnder to lijen. Der wie gâs folk opsetten kommen om Gysbert Japiks en in hiele rige tiidgenoaten mei muzyk foarop troch Boalsert omgean to sjen. De gearstalling fan de optocht wie yn haedsaek it wurk fan Selskipsskriuwer S.L. van der Burg. Neffens de kranteforslaggen hat it hounsdagewaer de optocht en it feest net bidjerre kinnen. |