Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 157]
| |
Opgong nei de ieuwikselIt Selskip wint wer oan - P. de Clercq en it Frysk ûnderwiis - Fokke de Zee syn brief oan de riedsleden - De Fryske flagge - Jan Jelles Hof komt nei foaren - De Friezen om utens - It tredde stientsjefeest to Grou - Selskip efter de tiid oan.Yn it bistean fan it Selskip brocht it jier 1900 in kearpunt to'n goeden. It ledetal woun ynienen hurd oan en ek it tal kriten waerd wer greater. ‘Forjit my net’ koe wer as in moanneblêd forskine. En yn de algemiene gearkomste fan dat jier waerd in útstel oannommen fan P. de Clercq om it jaen fan Frysk ûnderwiis ta doel fan it Selskip to meitsjen. De Clercq wie in nuveraerdige forskining yn de Fryske biweging. Hollanner fan komôf hied er him yn 1899 yn Feanwâlden nei wenjen set as ien fan dy seldsume grouneigeners om utens dy't mienden har jild hjir ek útjaen to moatten. Syn mem wie nammers in Stinstra; it klonk Frysk en minnist, en dat kaem ek wol út. Minnist wie ek de heit, en de famylje wie bigoedige, dat de soan koe nei in bankdirekteurskip fan in fearnsieu it fierder kalm oan dwaen. Hy hie hwat pield mei noardske talen, en nocht oan dizze stúdzje sil de kar fan syn nij wenplak wol mei biskaet hawwe. Hy wie daliks ek lid fan it Selskip wurden. De âld-skoalmaster G. Postma to Moarmwâld hied er útkard as syn learmaster foar it Frysk. It is in nijsgjirrich ding dat it in Hollanner wêze moast dy't mei it ûnderwiis-útstel kaem. It haedbistjûr stie der wol fiks efter, mar men soe sizze dat it earder op 'e wei fan dit haedbistjûr of hokfoar haedbistjûr yn it forline lein hie om dizze kwestje op it aljemint to bringen. Dat dat net bard is soe mei in guodlik wurd biskiedenens neamd wurde kinne. Mar it hie winliken folle mear to meitsjen mei bangens as mei biskiedenens; bangens om út de rol to stappen dy't yn 'e liberale maetskippij oan it Selskip taparte wie. Yn dy maetskippij bistie nou ienkear de (stille) kode dat it Frysk it ‘offisiële’ Hollânsk nearne net to nei komme soe. De Clercq, doe noch sûnder euvelmoed, hie yn de earste tekst fan syn útstel net it wurd ûnderwiis mar skoalle-ûnderwiis brûkt. Dat wie yn oerliz foroare, mar net sasear om it to forromjen. It mocht net sa bigrepen wurde dat it stribjen wie om Frysk to ûnderwizen op de offisieel Hollânsktalige skoalle. Ek yn de nije foarm liet it haedbistjûr de yntsjinning fan in útstel graech oan in ûnfortochte Hollanner oer. De tiden wiene dan wol hwat foroare, mar in lyts alibi wie de lieding fan it Selskip dochs | |
[pagina 158]
| |
Piter de Clercq en de Noardfries Nann Mungard, by hwa't letter Jan Hof wol útfanhûze hat. De Clercq bifoardere tige de ynter-Fryske relaesjes. *
net ûnwolkom. It feit dat yn deselde gearkomste dy't it útstel oannaem de hiele ûnderwiisproblematyk foar neijer bisprek en birie yn hannen fan in noch to bineamen kommisje steld waerd, slipe boppedat fan it bislút de skerpste kantsjes hwat ôf. It waerd, sa moast men tinke, ynearsten in akademyske kwestje, feilich oerdroegen oan forstânnige en fakkundige minsken. Jan Hof neamt dat ‘styl-De Clercq’, mar De Clercq wie doe net mear as gewoan lid. Waling Dykstra en syn maten hawwe grif ek foarkomme wollen dat guon lju de stikels opsetten. Nou is it ek wier dat it tofoaren oan elk tariedend wurk foar Frysk ûnderwiis ûntbrutsen hie. Dat mannen as D.H. Beucker Andreae en J.H. Behrns yn de bigjintiid fan de Fryske biweging it ûnderwizen fan Frysk op 'e folksskoalle bipleite hiene, tsjûget foar har bigryp, mar oplevere hat it neat. Dat Harmen Sytstra it graech wollen hat kin men fan tinken wol hawwe; der is lykwols nearne gjin biwiis dat hy ea earnstich oan de mooglikheit leaud hat. En dat syn soan S.H. Sytstra, skoalmaster to Dunegea, der yn 1895 op in arrondissemintsgearkomste fan de Súdwesthoeke foar yn 'e pleit west hat is like wis as dat de skoalopsjenner en de ûnderwizers him mar prate litten hawwe. Der wie yn 1900 allinne de goede, mar foar dit doel net sa gaedlike spraekkunst fan mr. Ph. van Blom; oare learmiddels wiene der net en der wie ek neat dat it | |
[pagina 159]
| |
mooglik makke de lesjowers op har kennis fan de Fryske tael to hifkjen. It och sa hoeden bislút fan de Selskipsgearkomste wie yn elts gefal in bigjin. Yn de tariedingskommisje kamen to sitten O.H. Sytstra en J.J. Hornstra, mei as tredde lid de man dy't de foarstap nommen hie, P. de Clercq. In jier letter kaem dizze kommisje op de algemiene gearkomste mei de meidieling dat De Clercq en syn helper G. Postma to set wiene mei in ‘Bihindige Fryske Spraekkinst’, en mei it útstel in priisfraech út to skriuwen foar in Frysk lêsboek. Dêr koe nimmen op tsjin wêze, ek al om't de kommisje foar it hoeden fan de kosten al f 150 ta har foldwaen hie. Dat jild kaem fan De Clercq, mar dat waerd der net bysein. De Clercq, dy't yn 1903 yn it haedbistjûr fan it Selskip kaem, hat letter noch wol mear yn de ponge taest as him dat yn it bilang fan de Fryske saek gaedlik talike. Der siet doe yn de nije ieu noch wol mear yn 'e loft. Yn 1901 skreau Fokke de Zee, siktaris fan Raerderhim, in brief oan de gemeenteriedsleden yn Fryslân dêr't er yn pleite foar it brûken fan de Fryske tael yn de gemeenterieden. Al wer in died fan ien man; mar ek De Zee hie net hannele bûten it haedbistjûr fan it Selskip om, en dat bitsjûge yn in eigen brief syn byfal mei De Zee syn stribjen, dêrby de gemeentebistjûrders dúdlik meitsjend hoe'n âlde en treflike tael it Frysk winliken wie. De Zee syn eigen taljochting wie saekliker; bûten de rieden, skreau er, wurde de dingen dochs ek yn it Frysk bipraet, en yn de rieden wurde somlike leden wolris wjerholden har miening to sizzen om't hja har yn it Nederlânsk net sa maklik uterje. Yn hoefier somlike âldere Selskipsleden har oer dizze drystens bisaud hawwe is min to sizzen. Mar it koe net ûntstriden wurde dat ûnder it Selskipsbrief de namme stie fan patriarch Waling Dykstra, mei syn sawnensawntich jier noch altyd Selskipsfoarsitter. Ek in oare namme lykwols stie der ûnder, dy fan S.L. van der Burg, siktaris sûnt 1898 en noch gjin fjirtich jier. It hat binammen dy syn wurk west dat it Selskip yn de nije ieu hwat mear oandoarst as foarhinne. Der kaem wol hwat dalje op de twa brieven. Jan Hof hie der hwat bliereftich oer skreaun yn de Hepkema's krante dêr't er sûnt koart oan forboun wie, en rekke nou yn tsjok waer mei de HBS-learaer Vierhout op 't Hearrenfean, dy't de geast al dwalen seach: earst it Frysk yn de rieden, dan yn de Steaten, dan by de rjochtbanken en it hof, dan op 'e skoallen fan alle soarten. Sa waerd it ‘weg met het Nederlandsch!’, in soarte Sjineeske muorre om 'e provinsje; en dat yn in tiid dat oaren wrâldtalen gearstalden om de folken tichterby mekoarren to bringenGa naar eind79.. De hear Vierhout koe de Fryske biweging wol hiel min om dy yn steat | |
[pagina 160]
| |
to achtsjen Fryslân troch in rige konsekwinsjes op wei nei de duvel to bringen. In antwurd koste Jan Hof dan ek net sa folle muoite: it gyng der om de Friezen har eigen tael sprekke to litten yn gearkomsten dêr't Fryske bilangen yn bihannele waerden. ‘We willen niet het Hollandsch verdringen uit de monden waarin het als officieele landstaal thuishoort’. Fokke de Zee dy't him ek yn de diskusje bijoech, sei it noch hwat oars. ‘Ik vraag in mijn schrijven slechts de gelijkstelling van de Nederlandsche en Friesche taal, zoodat, wordt het aangenomen, de raadsleden kunnen kiezen welke taal zij voor zich het geschiktst achten om hunne gedachten helder, gemakkelijk en duidelijk uit te drukken’. Al hie de hear Vierhout it syn bistriders net al to lestich makke, op ien punt hie hy dochs hwat hâldfêst. Yn in twadde stik sei er dat De Zee dan dochs mar it Frysk yntrodusearje woe yn ‘officieele’ gearkomsten as dy fan de gemeenterieden. Hof sei hjirfan dat hy de grins tusken offisieel en net-offisieel oars loek as de hear Vierhout, mar dêrmei wie de saek net útiten. Moast it Frysk hosk bliuwe yn alles dêr't in offisieel kleurke of luchtsje oan wie? De diskusje is net fuortset, mar feitlik hawwe De Zee en Hof de twataligens op it aljemint brocht, it punt fan de gelikense rjochten dat de journalist Leyds yn 1897 al wanken sjoen hie. De Zee hie it oer ‘gelijkstelling’, Hof woe hinnegean en notulearje hwat yn it Frysk sein wie yn de rieden ek yn it Frysk. Dat koe fansels net sûnder in stikje forfrysking fan it ‘officium’: in stribjen dêr't it Selskip foarhinne altyd foar tobekskrille wie. En winliken ek noch yn de jierren dy't folgen. It komt der wol op del, dat sawol it Selskip as Hof by dizze gelegenheit hwat mear sein hawwe as hja letter wiermeitsje woene. Har stânpunt like foar dy tiid moai radikael en ek de Hollânske parse hat der oer skreaun. Fokke de Zee dy't alles noch wer ris oereidet yn it ‘Tinkboek’Ga naar eind80. hellet ‘Het Handelsblad’ oan dat it oer it Frysk hie as ‘het taaltje dat daar gesproken wordt’. Yn de Burgumer krante noege doe Tsjibbe Gearts ‘de ûngelokkige, dy't dit skreaun hat’ út om nei Pryslân to kommen; ‘dou komste der net libben wer út’. Foar de praktyk hie lykwols de hiele strideraesje doe amper hwat to bitsjutten. Der hawwe faeks wol riedsleden west dy't it yn har hert mei Fokke de Zee iens wiene, mar de feitlike oerstap yn de gearkomsten fan it Hollânsk op it Frysk wie in hiel oar ding. Hwant de tael op sokke plakken is ornaris net dy fan de deistige omgong. It is net nedich in soad riedsstikken to lêzen om to witten hoe tige dy opsteld binne yn in soarte fan fakjargon. En it riedslidmaetskip hat altyd foar in part bistien yn it jin oaneigenjen fan dat jargon. It formogen om der in hwat oannimlik Frysk foar yn it plak to stellen wie yn it bigjin fan de ieu noch mar lyts. | |
[pagina 161]
| |
In great part fan de rieden hat it stik stilswijend foar kennisjowing oannommen. Dêr't der oer praet waerd, barde dat almeast net yn ûnfreonlike geast; yn in tal gefallen waerd sein dat de leden frij wiene yn it taalgebrûk (û.o. yn Eaststellingwerf!). Mar de boargemaster fan Kollurnerlân woe dêr neat fan witte en de boargemaster fan Skoatterlân stie net iens diskusje ta In lytse dokumintaesje út 1975Ga naar eind81. jowt de yndruk dat hjir en dêr dochs wolris hwat sein waerd yn it Frysk yn de rieden sa om de ieuwiksel hinne; mar út neat blykt dat Fokke de Zee syn brief dêr mear fuortgong yn brocht hat. Pas út de tweintiger jierren binne der birjochten oer riedsleden dy't geregeld Frysk prate (H.N.H.K. de Jong yn Wûnseradiel, Joh. Rypma yn Wymbritseradiel, A. Siebesma yn Barradiel). Yn elts gefal komt Fokke de Zee (en Jan Hof) de eare ta as earsten in nijsgjirrige bydrage jown to hawwen ta in takomstich programma. De Zee hie al earder yn it jier 1901 in pioniersstik bistien, doe't er by gelegenheit fan in gearkomste fan de jonge krite Raerderhim in Fryske flagge úthingje litten hie by de herberge (nêst it gemeentehûs) dêr't dy holden wurde soe. Dy flagge mei de skeane blauwe en wite banen en de reade pompeblêdden wie doe foar folle minsken noch hwat nijs, hoe âld de motiven dêrfan yn de wapenkunde ek wiene, Hjir en dêr hie dy flagge of alteast in fariant der op wolris earder to sjen west; mar dy't yn Raerd úthong wie fan it model dat de heraldikus Hearke Wenning op forsiik fan Deputearre Steaten yn 1898 úttekene hie yn forbân mei it bisiik fan de keninginnen Emma en Wilhelmina oan Fryslân. De flagge wie goed, mar hong forkeard, lyk as de foto yn it ‘Tinkboek’Ga naar eind82. útwiist. Alles moat leare. Nei alle gedachten is de Fryske flagge op 't heden de bikendste provinsjeflagge yn Nederlân. It ledetal fan it Selskip, yn 1900 noch gjin fjouwerhûndert, wie yn 1902 al helte greater en yn 1903 kaem it oer de tûzen hinne. Yn it haedbistjûr bigoun de âlde garde nou dochs to fordwinen. Skathâlder Alle Jans Smeding forstoar yn 1902, koart foar syn twaëntachtichste jier. Krekt tofoaren hie de krite Raerderhim him noch earelid makke. Jan Hof skriuwt oer de feech dy't er yn 'e simmer fan 1901 fan de âldman krigen hie oer syn eigenwizens en syn lêbbigensGa naar eind83.. It hat wol sa west dat it haedbistjûr, dat in diel jierren de stillens mear wend west hie as de striid, de ûnrêst fan de foroarjende tiid net sa noflik oankaem. Yn 1903 folge Jac. van Loon, de feteraen fan 1844 mei in mear as tritichjierrige steat fan tsjinst as foarsitter, Smeding yn it grêf. En noch wer in jier letter makke Waling Dykstra syn foarsittersstoel frij en liet er him ta eare-foarsitter bineame, hwat Van Loon oan syn dea ta west hie. Yn it plak fan Smeding kaem J.J. Hornstra, dy't twadde skriuwer wie, en yn Hornstra syn plak Piter de | |
[pagina 162]
| |
Clercq. De nije foarsitter waerd C. Wielsma, fornimstich en moai forneamd skriuwer fan foardrachten en slachrimen en Grouster by útstek. Mei Sjirk van der Burg as skriuwer wie it wol hwat in nije ploech, al roun Wielsma nei de sechstich en tôge Onno Sytstra faeks hwat tofolle fan it forline mei. It foardiel fan De Clercq wie dat hy as Hollanner net pleage waerd fan de yngreven Fryske skrutelens en kjelreauwigens, dy't de frucht wiene fan in langjierrich hiërarchysk efterôfsetten fan de folkstael. Mar stadich wied er foargoed en parmantich net to min. De oare bysitter, P.A. Wilhelmy, Burgumer fan komôf, wie ek utersté gjin hurdrinner, De ploech wie hwat jonger as de eardere en faeks hwat aktiver, mar foarsje en gloede wiene der dochs net yn to merkbiten. Mei syn winnend tal leden en kriten wie it Selskip yn de earste jierren fan de ieu moai aerdich dè Fryske biweging. Wol stie it wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’ los fan it Selskip en wol wie de bân mei de selskippen om utens (de measten dêrfan wiene bûtengewoan lid) tige los, mar it great Selskip gou dochs oeral as it liedingjaend midspunt op hwaens wurksumens foar folk en tael alle hope boud wie. Ut forslaggen en oare skriften kin opmakke wurde dat de aktivens fan de bûtenselskippen, dêr't hieltyd mear fan kamen, hjir en dêr al sa great wie as fan somlike kriten yn it heitelân. Yn elts gefal hat Jan Jelles Hof tusken Hollânske Friezen de striidberens opdien dêr't er, werom yn it Fryske lân, mei mannich Selskipsman danich yn 'e boegen kommen is. Syn ‘Fjirtich Jier Taelstriid’, yn fjouwer mânske dielen útkommen yn 1940-1942, is in wichtige boarne fan kennis sawol fan de Fryske biweging sûnt de ieuwiksel as fan syn taelopfettingen en syn eigen yn mannich stik net sa mijende persoanlikheit. Berne yn 'e Gaestmar (1872) hied er as skippersjonge op 'e doarpsskoalle minder as syn gerak krige, mar de ûderwizer dy't wol hwat yn him seach hie him út en troch hwat byholpen. Om't in skippersbistean him net flijde en hy alles lies hwat oan printe wurk yn syn hannen foel, bidarre hy ris to Heech by dr. Lútzen Wagenaar dy't neigean moast oft yn syn hwat ûnbislipe geast faeks de talinten fan in domeny slommen. Mar Wagenaar hie net folle muoite om by dizze soan út in from rjochtsinnige húshâlding mei al syn bibelkennis in hiel rychje frije mieningen to ûntdekken, dy't him foar it ‘wûndere amt’ nei syn bitinken nou just net sa geskikt makken. It is doe foar Jan Hof útroun op in ûnderofsiersoplieding to Kampen en in bistean fan biropssersjant (mei hwat promoasjes, mar sûnder de kâns noch ofsier to wurden) to Haerlim. Dêr is hy troch syn meiwurking oan ‘Sljucht en Rjucht’ yn 'e kunde kommen mei twa moai forneamde bûten-Friezen: Johan Winkler en dr. J. | |
[pagina 163]
| |
Jan Hof yn 1906, man fan kwizekwânsje. *
B. Schepers. Beide hawwe dy oan syn fierdere foarming wurke, op in wize dêr't hy sels fan seit dat hja him ûngelikense kanten bisochten út to lûken. Winkler, heal histoarikus en heal filolooch, wie in âlderwetsk en konservatyf man. Schepers, alhoewol promovearre op in histoarysk ûnderwerp, wie dochs binammen taelman en letterkundige, freon fan Buitenrust Hettema, hwaens opfettingen fierhinne ek sines wiene. Mei Schepers hearde Hof ta de oprjochters fan it selskip Gysbert Japicx to Haerlim. En as bistjûrslid fan dat selskip kaem hy yn 'e kunde mei R.W. Canne dy't in liedende rol spile yn it selskip Friso to Amsterdam. Ien fan 'e learmasters fan Hof hat ek noch west de taelkundige dr. Gallandat Huet, Haerlimmer fan Drintsk komôf, dy't niget hie oan it Frysk. Wittenskiplik kaem Hof yn 't earstoan fansels moai fier efteroan, mar yn ien ding wied er fan 't bigjin ôf Winkler en Schepers de baes: hy hantearre it Frysk folle better, hy wist helte mear wurden en wie in master yn taeleigen. It greate talint fan dizze autodidakt siet yn syn taelgefoel, yn de wize hwerop hy it treffende en nijsgjirrige yn de tael merkbiet en de ûnderskieden oanfielde. Yn syn ‘Drankjes’ trof daliks ek it polemyske, it striidfurdige, by alle wiidweidigens en it stilistysk hwat neijeuzeljen yn de trant fan de folksskriuwerij. Dr. Schepers hat it al gau ûnderfoun doe't de | |
[pagina 164]
| |
sersjant-majoar, dy't dochs winliken syn freon wie en syn pupil, him yn in iepen brief geweken naem oer de ûnfoldwaende en ûneigen taelmiddels dêr't er it Frysk mei bioefene. De dúst kaem moai hurd oan en hat Schepers as Frysk dichter in skoftsje ta swijen brocht. Mei dit stik, dat los forskynd is by Eisma (Waling Dykstra hie de ‘tsierderij’ leaver net yn ‘Sljucht en Rjucht’), hat Hof foar in rige fan jierren syn plak markearre as taelwachter en taelwarder, in funksje dêr't yn letter jierren sawol it nut as it iensidige fan dúdlik oan it ljocht komme soe. In konflikt mei syn oerste yn Haerlim en in oerpleatsing nei Leijen makken dat hy ûntslach út de tsjinst frege en krige. Bigjin 1901 wied er werom yn it heitelân: lyk as al meidield is as journalist by Hepkema's krante. Hof wie ien fan de net folle dy't weromkamen. Bûtenfriezen binne foar fierwei it meastepart doemd it to bliuwen om't foar harren yn Fryslân gewoan gjin plak is. Dat feit is ek biskiedend foar de relative bitsjutting fan de selskippen om utens, dy't ornaris mar ien generaesje fan de Friezen opheine. Op hwat yn Fryslân sels bart hawwe hja mar in bytsje ynfloed. Mar bûtenfriezen lêze wol Fryske boeken, helpe de tydskriften yn wêzen to hâlden en hawwe ek altyd goed west foar moaije ynstruijingen fan winterjounenocht-sprekkers. En it stiet to biduchtsjen oft yn Fryslân wol mear Frysk toaniel spile is as dêr bûten. De wichtigens fan dizze dingen sit him binammen yn de skaelforgreating dy't it Frysk kultuerlibben der troch kriget. Hoefolle Fryske selskippen om utens oft om de ieuwiksel hinne en dêrnei ûntstien binne is net sa goed nei to gean; Veendorp, dy't der yn ‘Sljucht en Rjucht’ (jiergong 1906) in pear artikeltsjes oer skriuwt, rûst it tal dan op in foech tritich ‘fen Grins oant Middelboarch’. Net allegeare binne se oansletten by jt (earste) Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân, oprjochte yn 1905. Yn 1912 liket der in hichtepunt west to hawwen mei sa'n lyts fjirtich. In listke, ûtliend oan ‘Sljucht en Rjucht’ dat út en troch nammen en adressen fan de bûtenselskippen op in efterpagina ôfprinte, neamt selskippen yn Grins, Amsterdam (2), Arnhim, Haerlim, Swol, Kampen, Rotterdam, Alkmaer, Utert, Ynskedé, Apeldoarn, Den Haech, Gouda, Meppel, Assen, Hilversum, Wynskoaten, Nimwegen, Sutfen, Dimter, Almelo, Stienwyk, Hegesân-Sappemear, Baern en Leijen (2). Net der by rekkene binne de studinteselskippen Natio Frisica to Amsterdam. Men sjocht: Middelboarch is net iens neamd. ‘Sljucht en Rjucht’ freget nammers opjefte fan noch ûntbrekkende forieningen. Toanielspyljen en foardragen namen yn de opgeande tiid wer in great plak yn. Nammers hat dat nea stilstien, ek net yn de slimste krisisjierren. | |
[pagina 165]
| |
Rozenga, forfallen ta de drank, kaem yn 1902 to forstjerren. Molenaar foun in nije mael yn L.F. Krips. Dit duo hat mear as tweintich jier yn en bûten Fryslân mei foardracht en toaniel de Friezen formakke. De iennichsten wiene hja net, mar wol de bêsten en de meast professionelen. Yn de forslaggen komme ek hieltyd de nammen foar fan Sjouke de Zee en Bonne Sjoukes Hylkema. Sjouke de Zee wie noch wol mear as allinne foardrager; hy wie propagandist foar it sosialisme, foar de ûnthâlding en foar de Fryske tael, in reisbere folkssprekker dy't ek yn de tydskriften skreau en lange jierren greate ynfloed hawn hat. Faek frege wiene fierder de foardragers H.E. Kylstra en juffer Alida Ringler en it duo Jouke Ligthart en en Wietske Speekhout. As de bêste deklamator gou Joh. M. Keuning út Beetstersweach. Op it toaniel sette nou ek de nije styl troch. Piter Jelles en Oebele Stellingwerf hiene al yn 1881 in trochbraek bisocht mei in mear realistysk genre, mar dar hie doe noch net safolle opgong makke. Tseard Velstra wie to'n earsten master bleaun fan it terrein mei syn oerflakkich-romantyske stikken. Dat foroare moai gau doe't Schuitmaker en Canne om 1905 hinne mei har earste wurk útkamen. Schuitmaker hie folle fan Heijermans leard, Canne joech sielkundige eftergrounen dêr't it Fryske toaniel oan doe ta net sa ryk oan west hie. Yn de stikken wie de geast to fornimmen fan de nije ieu. Wol libbe yn de learrike stikken fan Ibeltsje Kaastra-Bakker faeks noch hwat fan it moralistyk stribjen fan de folksskriuwers fierder, mar de aksinten wiene dochs folle direkter en moderner. Humanitaire strekkingen sieten der oars ek net sa'n bytsje yn Schuitmaker syn wurk; nammers wie deryn hiele Fryslân wer in stik fan de gefoels-ideology fan de Folkspartij to fornimmen, hoe biskiedend de Folkspartij sels in ding fan it forline wurden wie. Hwa't de Selskipsforslaggen fan dizze jierren lêst ûntkomt net oan it gefoel dat it it haedbistjûr mar min slagge it tempo fan de tiid hwat by to hâlden. Der wie wol in doel, mar der wie gjin programma en gjin dúdlike koerts. It like der op dat de dingen min ofte mear tafallich út de lederounte op it aljemint brocht wurde moasten, Hwa soe mei wissichheit sizze doare dat sûnder De Clercq de ûnderwiiskwestje sa goed omskreayn (mar wol foarsichtich) it omtinken krige hie? Dizze stien rôlle nou, mar einde amper. En it wie de Haerlimske Fries Johan Winkler, biliven gjin oerdwealske man, dy't yn de algemiene gearkomste fan 1902 nei oanlieding fan it rjochtbankforslachje yn de Hepkema's krante der syn galle oer útspuide dat in rjochter op it Hearrenfean gjin Frysk forstean woe of koe. Neffens him brocht dat in spraekbitizing towei dêr't it rjocht ûnfoldaende syn gerak yn krije koe. Der wie hwat in diskusje dêr't Hindrik Linses de | |
[pagina 166]
| |
Nei it ûntbleatsjen fan it momumint op de ‘terp’ to Grou, dêr't dr. Eeltsje en syn dochter op 'e nij bigroeven wiene, yn 1904; op 'e foargroun fan l. nei rj.: S.L. van der Burg. Jac. Hepkema, in dokter Halbertsma út Swartslús, Folkert H. Kuipers (doetiids al lang de Amerikaen Cooper), J.J. Hornstra, P.A. Wilhelmy, Onno Sytstra en (sûnder burd) C. Wielsma. Rjochts efteroan mei de sylpet Jan Hof. *
Jong fan de krite it Hearrenfean yn útstelde by de minister oan to stean op oerpleatsing fan sa'n rjochter. Foarsitter Waling Dykstra makke in ein oan it gepraet mei to sizzen dat der tonei dan mar in tolk by moast; en dat koe dan moai Hindrik Linses wêzeGa naar eind84.. Waling-om, al yn syn twaëntachtichste doe en mei beide fuotten noch stevich yn de forgongen ieu, hat net mear bigrepen, dat it hjir ek gyng om in bigjinsel-saek. Yn deselde gearkomste waerd meidieling dien fan in oanbod fan Hepkema's krante om f 500 ta foldwaen fan it Selskip to stellen foar it stiftsjen fan in oantinken oan dr. Eeltsje Halbertsma op de ‘âlde terp’ to Grou. Oer sa'n oantinken wie al praet sûnt de dr. Eeltsje-bitinking yn 1897, en algemien waerd ornearre dat it Selskip dêrfoar riede moast. Mar it Selskip, earm oan jild en oan idéen, hie neat dien en ek neat bisocht to dwaen. It wie Jacob Hepkema dy't as deus ex machina ûnforwachte dus noch mei in goede oplossing kaem. De gearkomste naem de skinking tankber oan. Dat hat de foarstap west fan it tredde stientsjefeest to Grou, nei de twa yn de sawntiger jierren fan de ieu tofoaren. De tarieding hat noch gâns in skoft duorre; it wie de bidoeling, fan it oantinken ek in grêfmonumint to | |
[pagina 167]
| |
meitsjen, en dêr wie foar nedich dat it biente fan dr. Eeltsje (en syn dochter Anna) fan it tsjerkhôf nei de terp oerbrocht waerd. Maitiids 1904 wie alles ré Hwat op de terp kaem to stean wie it boarstbyld fan dr. Eeltsje, wurkstik fan de byldhouwer J.H. Schröder. It ûntbleatsjen is bard op 28 maeije. Sprekker wie de Grouster C. Wielsma, dy't krekt tofoaren Waling Dykstra as Selskipsfoarsitter opfolge wie. It gyng sober ta, hwant it wie ek sa goed as in twadde bigraffenis. Mar der binne net folle grêfmonuminten dy't de jierren troch sa ta de fantasy sprutsen hawwe as dit dichtersbyld midden yn Grou. Kees Wielsma, de nije Selskipsfoarsitter, wie net de man ‘fol fjûr en geastdrift’, dêr't Waling Dykstra by it Selskipsjubileum om roppen hie. Bikend bleaun is er feitlik allinne as de snedige rymker fan hwaens wurk de foardragers lange jierren in tankber gebrûk makke hawwe. Op 'e Jouwer berne wied er yn Grou as skoalmaster in sintrale figuer wurden. It Selskip hat fornimme moatten dat syn eachweiding net fier bûren Grou rikte, hwat bygelyks ta utering kaem yn it ivige striidpunt oer it jild: hoefolle mocht it Selskip hâlde fan de ynlagen en hoefolle kaem de kriten ta. Dêrby wie hy folle mear kriteman as Selskipsman. It gyng noch altyd oer deselde ryksdaelder dy't de Selskipsleden al bitellen yn de tiid fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra. It is wol nijsgjirrich noch even troch to gean oer dy ryksdaelder. Men wit dat it earst sa west hie dat de kriten dêr foar elk lid in goune fan werom krigen; mar yn it bigjin fan dizze ieu wie dat al f 1,25 wurden. Fan de oerbliuwende fiifentweintich stûren krigen de kriteleden tolve kear yn 't jier it tydskrift ‘Forjit my net’ en boppedat it jierboekje ‘Swanneblommen’ tastjûrd. Dat klinkt yn dizze tiid hast as in mearke; mar anno 1905 wie dat sa'n bytsje mearke-eftich, dat de krite Grou (foarsitter Kees Wielsma) oan de algemiene gearkomste doarst út to stellen de kriten in daelder werom to jaen. Skathâlder Hornstra hat doe de oanwêzigen foarrekkene dat it haedbistjûr fan elke kritelid-ryksdaelder foar it dekken fan de eigen kosten mar in stûr oerhold. Dat it Selskip bistean koe tanke it winlik allinne oan de forsprate leden, dêr't it de folsleine ryksdaelder fan hâlde koe. Dat wie in moai dúdlik forhael, mar foar de Grouster ôffurdigen dochs net dúdlik genôch om har der ta to bringen har útstel werom to nimmen. Doe brânde de Amsterdammer Canne los oer de hurde Friezen to Grou dy't yndied sa hurd wiene as in spiker om't hja, neidat hja it dr. Eeltsje-stânbyld fan oarmans jild krigen hiene, nou ek noch mear fan it Selskip fregen as skiklik en rjochtfeardich wie. It skynt wol hwat stille opskuor jown to hawwen, hwant der plichte yn it Selskip greate earbied to wêzen foar de ponge fan de leden en foar de | |
[pagina 168]
| |
Grouster super-Friezen; en it hat faeks ek wol sa west dat in Fryske ryksdaelder hwat hurder valuta wie as in Amsterdamske. Mar yn de sfear fan kjeltme nei Canne syn ûngewosken útfal die it by de stimming bliken, dat de Grousters dochs allinne stiene. Jan Hof hat oer it gefal skreaun mei in hwat forhoalen willeGa naar eind85.: hy wie fjouwerkant tsjin it útstel, mar hwat stûf gyng it wol, en hy wie op 't lêst in ‘heale Grouster’. Oer it plak fan Jan Hof yn de Fryske biweging sil fierderop mear sein wurde. Yn de Hepkema's krante hat hy, mei to skriuwen oer Selskipssaken en Fryske dingen yn it algemien, in fiks stik Fryske lektuer ûnder de eagen fan de lêzers brocht. Hielendal nij wie dat net om't ek it ‘Friesch Volksblad’ en Tsjibbe Gearts' ‘Bergumer Courant’ it Frysk syn gerak wol joegen. Mar it ‘Friesch Volksblad’ wie yn de lettere njoggentiger jierren mear en mear yn it neigean rekke en hielendal faei wurden nei it forstjerren fan Oebele Stellingwerf yn 1897. Trui, syn frou, hie de striid om it bistean fan dizze foarhinne moai forneamde krante yn 1899 oerjaen moatten. En de Burgumer krante hie net mear as hwat pleatslike bitsjutting. Mei Hepkema's krante wie it in hiel oar gefal: dy hie stadichoan in greate lêzersrounte krige, binammen yn it súdeasten en suden fan Fryslân. En de eigener-direkteur Jacob Hepkema, dy't de steat fan lytse wrotter al lang efter him litten hie, hie dochs as Frysk skriuwer, as sneuper en as kenner fan Fryslân altyd tige de klam lein op it folksaerdige: soks op in wize dêr't de Ljouwerter krante gjin hânwetter oan hie. It hat wol it foarbyld fan de Hepkema's krante west dat de Ljouwerter krante der ta brocht hat stadichoan hwat mear omtinken to jaen oan de Fryske tael en de Fryske biweging. Wol hie de Ljouwerter altyd yn it saneamde ‘Mengelwerk’ frijhwat romte jown oan skiednis, âldheit- en geakunde fan Fryslân en hie de folkstael der net folslein hosk yn west, mar de inkelde stikjes en rymkes yn it Frysk plichten binammen bidoeld to wêzen as aerdichheitjes. Yn desimber 1902 lykwols stie yn de Ljouwerter krante in stik fan Buitenrust Hettema oer Fryske literatuerGa naar eind86.. Dat wie al hwat nijs en dit artikel waerd it earste fan in soarte rubryk dy't Hettema in jier of seis folholden hat en dêr't it oer hiel hwat mear yn gyng as literatuer allinne. De stikken wiene skreaun yn de Hollânske tael, mar mei in soad oanhellingen en sizwizen yn it Frysk. Fan de Ljouwerter wie it in stap foarút. Mar de gelearde Fryskkundige Buitenrust Hettema is yn it moderne Frysk nea in master wurden. It koe dan ek net oars of de biwegingsfriezen dy't mekoarren yn dy tiid sa tige op taelsuverens op 'e fingers seagen en yn 'e faksen sieten, moasten him wol mei in skalk each by dit wurk achtslaen. Krektlyk as de stikken fan Jan Hof yn de Hepkema's krante wiene de | |
[pagina 169]
| |
artikels fan Buitenrust Hettema kritysk. En kritysk wie noch in trêdde man: dr. J.B. Schepers. Schepers, dy't ek Hollânsk auteur wie en gou as in lette tachtiger, skreau gauris oer Fryske saken yn ‘De Groene Amsterdammer’. It docht jin efternei hwat nuver oan dat dizze foarm fan bilangstelling der by de Selskipslieding fakentiden net sa noflik ynfoel. Hwant it kaem dochs del op in forbrekken fan it feitlik isolemint, dêr't de Fryske (tael)biweging lang yn wurkje moatten hie. Hwat yn de kranten stie mocht dan wolris hwat ûnfreonlik of der by troch lykje, der wiene dochs meistanners oan it wurd; en alderhanne feiten, mieningen en fraechstikken dy't tofoaren amper bûren de rounte fan Selskipsleden en lêzers fan ‘Sljucht en Rjucht’ kamen krigen nou in folle greatere forsprieding. Buitenrust Hettema yn Swol en Schepers yn Haerlim sieten fansels aerdich bûten skot. Jan Hof siet dat net op 't Hearrenfean. Mei Onno Sytstra hat hy it, by alle strideraesjes en lytse kribbekeurichheden, lange jierren noch wol sahwat lykfine kinnen. Net sa mei Wielsma, dy't yn Grou blykber net folle tsjinpraet wend wie en Hof al gau foar de fuotten smiet dat dy mei syn stikken yn de krante it Selskip liede woe, ûnrjochtlik dan fansels. It stie al sjesa, dat krantekrityk yn dizze foarm noch hwat ûngewoan wie yn Fryslân. Der wie in demokratisearring geande dy't ta utering kaem yn de forromming fan it kiesrjocht en de stadige fordwining fan it analfabetisme, mei tagelyk hwat forbetterjende libbensomstannichheden. Mar safolle Selskipsmannen hiene ynearsten hwat muoite mei de nije styl, binammen hwannear't de kranteskriuwers bisochten harren fierder to triuwen as hja woene. Dat is sûnder mis de eftergroun fan Wielsma syn grau op Jan Hof en nammers fan hiel it och sa foarsichtich en stadich pielen fan de Selskipslieding, dy't foar neat sa bang wie as it yn tsjok waer reitsjen mei de minsken en de rounten dy't maetskiplik en bistjûrlik foar master opsloegen. |