Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 146]
| |
Liberalisme sûnder striidberensIt Selskipsjubileum - Waling Dykstra syn oardelûrs rede - Buitenrust Hettema privaetdosint - ‘Sljucht en Rjucht’ set út 'e ein - Dr. Eeltsje Halbertsma bitocht - In kristlik studinteselskip - It Genoatskip en dr. Tj. de Boer.Yn 1894 hie it Selskip fyftich jier bistien. De bitinking is holden op 5 septimber fan dat jier. Fleurich stie it Selskip der net foar. It hie yn in jiermannich mear as in tredde part fan syn leden forspile en der like net folle reden to wêzen om de takomst moedich tomjitte to sjen. Dochs wie it slagge noch sa'n treddelhûndert minsken yn Ljouwert by mekoarren to krijen. Foar dyen hat moarns yn de Harmony Waling Dykstra de feestrede útsprutsen. Winlik hie Van Loon dat dwaen moatten om't hy noch foarsitter wie. Mar op Van Loon bigoun langer de lêst fan de jierren swier to wagen en nammers stie al fêst, dat Waling Dykstra him opfolgje soe. Dy wie wol in moanne as hwat âlder as Van Loon, mar noch geef as kryt, hoe tige it der foar him ek op oankommen wie yn lange jierren fan hurd bodzjen en muoisum swalkjen. Jeuchlik fjûr wie lykwols fan dizze 73-jierrige min mear to forwachtsjen. Fan wêzen hied er ek al syn libben de swiersettige kant neist west. Hy hat syn eigen tokoartkommen wol oanfield doe't er yn syn rede it forlet bikundige fan in nije man, ‘fol fjûr en geastdrift, om nij libben oan to blazen ûnder de dôve skrinkels yn 'e bientsjekou; in man dy't yn steat is om de leafde foar de Fryske tael en Fryske sin foar frijheit, foar wierheit en rjocht sa op to fiterjen dat it Frysk Selskip net hoecht út to gean as in eintsje kears’. Dizze rede, dy't letter útjown is by R. van der Velde, is noch jierren in moai bikend stik bleaun. Folle feestliks is der net yn to finen, mar Waling Dykstra hat him der dochs net fan ôfmakke op dy septimberdei. Oardel ûre, mei twa lytse tuskenskoften, hat er op 'e tekst west. Der is in breed oersjoch yn to finen fan de Fryske skiednis, de Fryske skriften en it Selskipswurk: mar it wichtichste diel wie it lêste dêr't sa dúdlik yn útkaem hoe min er syn moed hie foar de takomst. De tael hie de tarring; it ‘bastere skaei’ woe it roune Frysk net hawwe. Mar hwat woe men, der wie nou ienkear in ‘izeren wet’ dy't learde: ‘Al hwat ienkear wêzen krige hat moat ek wer forsinke yn it neat’. En dêrop folgen de bikende wurden: ‘Mar ik sil stride, sa lang ik stride kin ...’ It soe net rjochtfeardich wêze Waling Dykstra der fan to bitiigjen dat hy de Friezen de ein oansizze wollen hat fan har tael en wêzen. Hy hat it folk | |
[pagina 147]
| |
yn de Harmony ek prikelje wollen ta mear flyt en wurksumens foar de Fryske saek. Dochs spriek út syn wurden in hwat ynholden fatalisme. It lei net allinne oan him, al hie in oarenien it faeks hwat foarsichtiger sein. It kaem der gewoan op del dat it Selskip yn syn liberale neutralens op in dea punt oanlânne wie. Wie der gjin ‘fjûr en geastdrift’ mear yn Fryslân? Waling Dykstra forgeat even hoe krêftich de ‘Fryske sin foar frijheit, foar wierheit en foar rjocht’ yn de forroune jierren ta utering kaem wie by de Folkspartij. En as hy klage oer de ûnforskilligens fan safolle Friezen, koe dy dan ek net mei forklearre wurde út it skrutel stean bliuwen fan it Selskip op 'e grins fan hwer't taelstriid sosiale striid waerd? Hwant dit hiene Fryslân en Flaenderen dochs wol gemien, ntl. dat de brûkers fan de eigen tael hieltyd wer fornimme moasten dêrmei as minske en as boarger op 'e twadde rang to sitten. En mei it Selskip, ynfoege yn de hearskjende oarder, stie it nou ienkear sjesa dat it yn in fierdere emansipaesjestriid ek syn eigen stellingen bistoarmje moatten hie. Dit is perfoarst gjin bisykjen de foaroanmannen fan dy tiid leech to lizzen. Hja libben allinne yn in snuorje dat it liberalisme as geastlike streaming syn produktivens kwyt wie en yn de fordigening stie ynpleats fan yn de oanfal. Yn Fryslân hie de doleânsje fiks trochset en dêrmei ek hâld jown oan de anti-revolusionaire rjochting yn de polityk. It die doe al bliken dat mei it folk fan dy rjochting út noch yn net sa de spot slein wurde koe as de folksskriuwers dien hiene mei de ôfskiedenen fan in heale ieu earder. Der is al sein hoe tige Oebele Stellingwerf yn dizze ûntjowing it emansipaesje-elemint opmurken hie. En dan wie der ek noch it sosialisme. Dêrfoaroer binammen hie it Selskip syn neutrale hâlding nedich. Nou wie de SDAP in Nederlânske partij mei in Hollânsk propaganda-idioom; en de reade en liberale ûnderwizers koene yn it Selskip maklik meimekoarren tsjin it bisûnder ûnderwiis wêze. Dochs opponearren har njonkenlytsen yn it Selskip wol hwat militanten út de SDAP-rounte; dêrwei mear as út oerbliuwsels fan de Folkspartij. Sa't de forhâldingen wiene koe lykwols foar de Selskipslieding it biedwurd net mear it foarút, foarút! fan Harmen Sytstra wêze, it wie nou foarsichtich, foarsichtich! De nije krêften soene har pas nei forrin fan tiid uterje. Fan it doetiidsk Selskipsbistjûr kin yn elts gefal sein wurde dat it him slagge is de kears brânnende to hâlden. It hawwe wol binammen de greate kriten Ljouwert, Grou en de Jouwer west dy't it Selskip troch de krisis hinne sleept hawwe. It wiene ek dizze kriten dy't de joun fan it bitinkingsfeest fold hawwe mei it spyljen elk fan in fleurige ienakter. Der wie yn 1894 ynienen in fikse ledewinst, mar dy koe de jierren dêrop net bihâlden bliuwe. It oplibjen | |
[pagina 148]
| |
Foeke Buitenrust Hettema, taelgelearde. Hy wie learaer Nederlânsk oan it Swolsk gymnasium en privaet-dosint yn it Frysk oan de universiteit fan Utert. Neamde himsels wol Bûtenrêst Hettema, hat in skoft meiwurker west oan it Friesch Woordenboek en moast yn 1918 sjen dat er út Gent weikaem, dêr't er oardel jier professor west hie oan de troch de Dútskers fornederlânske universiteit. *
kaem pas mei de ieuwiksel, doe't de skaden fan de krisis stadichoan weiloeken. Oan it bigjin fan de nije opgong stiet ien wichtich ding: de oprjochting yn 1897 fan it wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’. Mar ek de Eeltsje Halbertsma-bitinking yn datselde jier moat neamd wurde. Dêroer fierderop mear. Yn 1897 barde ek noch hwat oars, ntl. it talitten fan dr. Buitenrust Hettema as privaet-dosint yn it Frysk oan de universiteit fan Utert. Dit wie de earste kear dat it Frysk as learfak plak krige yn in Nederlânsk universitair programma. Buitenrust Hettema, in Harnzer, is al neamd yn forbân mei syn meiwurking oan it wurdboek. Bikendheit hat hy ek krigen troch syn blomlêzingen út it Ald-, it Midden- en it Nijfrysk dêr't er frijhwat oer briefke hie, û.o. mei Van Loon en P.J. Troelstra. Berne yn 1862, wied er op syn fyfijinde jier nei it gymnasium yn Utert stjûrd. Ien fan syn leararen dêrre wie J.H. Gallée, dy't er letter as studint yn Utert wer moetsje soe as heechlearaer. Gallée kaem út de string wittenskiplike skoalle fan de forneamde neerlandikus Matthias de Vries, by hwa't yndertiid to Grins net allinne Ph. van Blom, mar ek I. Telting en Eelco Verwijs kolleezje roun hiene. Letter, yn Leijen, hat De Vries it lân stadichoan foarsjoen fan in steatlike rige moderne filologen. Gallée wie dêr by him promovearre, mar hie ek tige de ynfloed ûndergien fan de germanist Kern. | |
[pagina 149]
| |
De germanistyk, dêr't it Nederlânsk in ûnderdiel fan wie, wie doe noch in relatyf jonge wittenskip dy't mannich nijsgjirrich ding oan it ljocht brocht. Foar de filologen wie binammen it Aldfrysk mei syn great tal oerlevere teksten fan mear as gewoane bitsjutting. De Vries hat dal tige dúdlik útkomme litten en Kern, earst syn learling en doe syn kollega, hat in rige forbetteringen jown op wurdforklearringen fan Von Richthofen by dy syn ‘Friesische Rechtsquellen’. Gallée joech Aldfryske kolleezjes, mar woe dy minlike graech oerdrage oan immen dy't him dêr mear op talizze koe. Dat hat de oarsprong west fan Buitenrust Hettema syn privaet-dosintskip. Buitenrust Hettema wie yn 1888 by Gallée promovearre op in dissertaesje oer it Aldfrysk (op 7 july, deselde deis dat Troelstra to Grins yn de rjochten promovearre). Hy wie doe al in jiermannich learaer oan it gymnasium to Swol en in ûnthjittende jongkeardel yn hwa't folle lju in takomstige professor seagen. De Vries hat him koart foar syn dea (hy is 1892 stoarn) noch yn in brief oantrune him binammen op it Frysk út to lizzenGa naar eind75.. It privaet-dosintskip wie minder as Gallée wollen hie; dy hie oanstien op in lektoraet yn it Aldfrysk foar Buitenrust Hettema. Hwat dy lang om let krige wie in soarte fan treastpriis: ien ûre wyks, mar mei in learopdracht foar de hiele Fryske tael- en letterkunde en dus net foar it Aldfrysk allinne. Fan bilang bleau fansels, dat yn Utert in bigjin makke wie en dat oan de wittenskiplike ûnderleinens fan Buitenrust Hettema net twivele hoegde to wurden al wie wol bikend dat er nou just net sa goed oer 'e wei koe mei it moderne Frysk. Dat lêste wie ek de reden fan inkelde krityske lûden yn Fryslân. Folle nijsgjirriger lykwols wie in skôging yn ‘Het Nieuws van den Dag’ fan L.F. Leyds nei Buitenrust Hettema syn yntrérede op 10 febrewaris 1897. Leyds makke der ntl. biswier tsjin dat it Frysk op in oare wize dan as deade tael ûnderrjochte wurde soe. It Nijfrysk as libbene tael oan 'e universiteit soe de Friezen in argumint jaen kinne om to stribjen nei twataligens, mei alle gefolgen. Hy woe hawwe, it soe yn 'e wet fêstlein wurde dat yn ús lân mar ien tael wie: it Nedêrlansk. De namme Leyds is fierder sahwat nearne mear werom to finen; it Hollânsk ymperialisme fan dizze man is lykwols moai represintatyf foar hoe't letter mannichien bûten mar net to min ek yn Fryslân it graech hawwe woe of tocht dat it al wie. Foar de folsleinens moat der gewach fan makke wurde dat yn Grins de neerlandikus W.L. van Helten, heechlearaer fan 1882 oant 1911, in goed kenner fan it Aldfrysk en dêr ek oer publisearre en in rige fan kolleezjes oer jown hat. Yn Dútsklân lykwols wie it tal filologen mei aktive bilangstelling foar it Frysk greater as yn Nederlân. As in earsten kenner fan | |
[pagina 150]
| |
it Frysk ûntjoech him Theodor Siebs, hwaens foarslachte út Jeverlân kaem en dy't yn 1885 yn Leipzig promovearre wie op in dissertaesje oer it Aldfrysk. Yn 1886 hat er in stúdzjereis makke troch Westerlauwersk Fryslân om de ûnderskate dialekten (hy gyng ek nei Skiermuontseach, Hylpen en Skylge) yn him op to nimmen. J. van Loon hat him rounom yntrodusearre en Troelstra, O.H. Sytstra en S.L. van der Burg hawwe him wol biselskippe. Der wie in soad binijing oer de maklike wize sa't hy de taelforskillen bigriep en yn syn praten mei de minsken yn acht naem. It wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’ bigoun yn 1897 by Eisma to Ljouwert fan de parse to kommen. It wie nammers it earste ‘Sljucht en Rjucht’ net; winliken wie it in herhelling en forbettering fan in mislearre bisykjen sawn jier earder. Utjower wie doe Märkelbach to Boalsert; en Waling Dykstra siet al oan it roer. Märkelbach wurdt biskreaun as in goed fakman en in minne rekkender; mar faeks hie ek in goede rekkender it net oprêdden yn dy krisistiid. Hoe faei it stie mei de Fryske tiidwurkjes hie noch wer bliken dien yn 1895, doe't ‘For Hûs en Hiem’ it oerjaen moast, ‘Forjit my net’ ta de helte ynkoarte waerd en fan it jierboekje ‘De Bijekoer’ ûnder bistjûr fan Waling Dykstra nei in bistean fan in heale ieu it lêste nûmer útkaem. Dat it yn 1897 op 'en nij bisocht waerd mei ‘Sljucht en Rjucht’ wie binammen it wurk fan Eisma dy't faeks hwat ealge fan it better wurden fan de tiden. Hy wie it ek dy't Waling Dykstra, ûndertusken 75 jier, ré foun om de lieding fan it blêd op him to nimmen. Dy wie noch altyd goed by it spul en koe dit wurk, nei't er sei, sittend ôfdwaen. It Frysk moast yn dy snuorje wer hwat op gleed komme. It wie stiller wurden nei de roerige jierren doe't it tinken en dwaen fan de minsken sa tige biskaet waerd troch sosiael-politike motiven. De politike striid gyng wol troch, mar Fryslân wie der net mear in sintrum fan. Sa waerd de taelbiweging wer sichtber nei jierren dêr't dy har amper mear yn opponearre. Dat Waling Dykstra wol grif de iennichste wie dy't foar de lieding fan ‘Sljucht en Rjucht’ yn 'e bineaming kaem tsjûget fan in earmoed oan foaroanmannen yn de Fryske biweging op dat stuit. Onno Sytstra hie it faeks dwaen kinnen as er gjin Selskipssamler west hie; mar hy wie ek foargoed in skoalmaster en gjin man om libben en aerdich mei de lêzers om to gean. In oare man út it Selskip, de jonge S.L. van der Burg dy't meikoarten notaris to Makkum wurde soe en yn 1897 algemien skriuwer waerd, moast noch sjen litte hwat er wurdich wie, en hie nammers ek wol hwat oars to dwaen. Waling Dykstra naem fansels in stik folksskriuwerij-tradysje mei, mar tagelyk in reputaesje fan politike foarsichtigens, twa dingen dy't Eisma wol flijd hawwe moatte. Nei de mislearre ‘Frîske Nysbode’ (fan Waling Dykstra) tritich jier | |
[pagina 151]
| |
Earste side fan Sljucht en Rjucht yn 1897. It wie Eisma dy't it mei dit wykblêd aventûre, mar by de tarieding hat hy tige stipe hawn fan Bonne Sjoukes Hylkema. *
| |
[pagina 152]
| |
Oept en Kekke, it forneamde kabaretnûmer. Lofts Meint Rozenga, rjochts Simke Molenaar. *
earder en Märkelbach syn ienjiersbern wie it ‘Sljucht en Rjucht’ fan Eisma it tredde Fryske wykblêd. Eisma sil wol hwat leard hawwe fan it misbitearen fan it earste ‘Sljucht en Rjucht’ en Waling Dykstra faeks fan de moderne opset fan ‘For Hûs en Hiem’. It bleau in weachstik. Dat it slagge is hat mei foar in part lein oan de bûten-Friezen, in moai greate keppel stadichoan, dêr't oan 'e ein fan de njoggentiger jierren fiks biweging yn kaem. It moat hwat to meitsjen hawn hawwe mei de opgeande tiid, mar ek mei hwat hja meikrigen hiene oan Fryske kultuerynfloeden út de tiid fan de folksskriuwerij en de lette romantyk. Sa hat it lêst fan de ieu tsjûge west fan it ûntstean fan in hiel rychje selskippen om utens. Der sil letter mear fan sein wurde; mar it stiet wol fêst dat der in wikselwurking west hat tusken it útkommen fan ‘Sljucht en Rjucht’ en it ûntstean en har ûntjaen fan de Fryske klubs, yn Hollân, yn Utert en noch wol mear provinsjes. De tiidwurkjes fan it Selskip kamen nea net fier bûten de biheinde rounte fan de leden. Bûten Fryslân wiene dat mar in stikmannich. ‘Sljucht en Rjucht’ hie al moai gau in folle rommere forsprieding en dat die fortuten. Jan Jelles Hof, sersjant-majoar to Haerlim yn dy snuorje, forteltGa naar eind76. hoe't er troch it ûntdekken fan in nûmer fan ‘Sljucht en Rjucht’ by in goekunde der nocht oan krige ek ris hwat by Waling Dykstra yn to stjûren. En doe't dy it pleatste kaem fan it iene it oare. | |
[pagina 153]
| |
Sipke Huismans syn lidmate-diploma fan Natio Frisica, it yn 1897 oprjochte Frysk studinteselskip oan de Frije Universiteit. Dr. Lútzen Wagenaar hat dit diploma ûntwurpon. *
Der is grif ek hwat útgien fan de algemiene gearkomste fan it Selskip to Grou yn 1897, dy't holden waerd op 'e dei (8 oktober) dat dr. Eeltsje hûndert jier earder berne wie. Waling Dykstra hold in bitinkingsrede dy't letter folslein opnommen is yn twa nûmers fan ‘Sljucht en Rjucht’. Mar it tinkskrift dat dr. J.B. Schepers, in warbere bûten-Fries út Haerlim, foarstelde om út to jaen koe der net komme fanwegen jildkrapte. Lykwols, der siet foroaring yn 'e loft. Al sûnt 1895 joegen Rozenga en Molenaar in | |
[pagina 154]
| |
nij soarte winterjounenocht mei û.o. it forneamde nûmer ‘Oept en Kekke’, heal toaniel, heal kabaret. Yn ‘Forjit my net’ skreau J.B. Schepers in rige sonnetten en yn ‘Sljucht en Rjucht’ forskynde Simke Kloosterman har earste fers. Ek yn ‘Sljucht en Rjucht’ kamen yn 1899 de earste ‘Drankjes’ fan Jan fen 'e Gaestmar (Jan Hof), nijsgjirrige en prikeljende praetsjes oer tael. It wie in nije styl, passend by in oare tiid. En it mocht amper in tafal hjitte dat yn 1898 oan de Frije Universiteit to Amsterdam in Frysk studinteselskip oprjochte waerd ûnder de namme Natio Frisica. It waerd achte in bisykjen to wêzen yn de geast fan Kuyper dy't God ommers ek stean seach efter it folkeforskaet. It moast wol sa wêze dat yn Gods skepping ek Fryslân en it Frysk har plak hiene. Stifters wiene D.R. Okma, Joh. Jansen en Sipke Huismans. Natio Frisica hat de stipe hawn fan Lútzen Wagenaar dy't alris oerkommen is om oer Gysbert Japiks to sprekken en dy't ek in moaije lidmaetskipskaert tekene hat. Syn foarbyld en meiwurking hawwe ynspirearjend wurke. Neitiid hat wol bliken dien dat dêr yn Amsterdam de earste oanrin nommen is ta it ûntstean fan it Kristlik Frysk Selskip tsien jier letter. Fan it Frysk Genoatskip is al sein dat it neigeraden de klam hieltyd mear lein hat op it sykjen en biwarjen fan âldheden. Fan de fortuten dêrfan is it Frysk Museum in oertsjûgjend biwiis. Yn it gebou oan de Turfmerk to Ljouwert, dat teffens de sit wie fan it Genoatskip, wie ek de wichtige bibliotheek ûnderbrocht. Der wie fansels langer tige forlet fan in bihearder, mar dy koe der ynearsten net ôf, al wie der fansels wol personiel. Yn 1892 moast plak foun wurde foar it legaet-Looxma Ypey (bisprutsen oan de provinsje): in ûnbidige samling antyk, munten, peinjes en porselein, mei boppedat f 50.000 oan jild. De bisteande romte wie to lyts en it jild is dêrom bistege oan it keapjen en forbouwen fan in hûs oan 'e Turfmerk en de Keningsstrjitte oan wjerskanten fan it Eysingahûs. Mr. J. Dirks stoar yn 1892. Hy waerd 81 jier; fjirtich dêrfan hied er foarsitter west fan it Frysk Genoatskip. Hy wie skiedkundige en binammen numismaet; in man dy't alhiel paste yn in tiidrek doe't safolle nijsgjirrichs út de terpen en fan oare plakken oan it ljocht kaem. Syn opfolger waerd mr. W.B.S. Boeles, dy't vice-presidint wie fan it Ljouwerter gerjochtshof en al lang sit hie yn it bistjûr. Hy wie in earsten leafhabber en samler fan boeken en hie it biwâld oer de bibliotheek. Sels wied er de skriuwer fan in mânske skiednis fan de Frjentsjerter hegeskoalle, grif de wichtichste útjefte op de hwat meagere list fan Genoatskipspublikaesjes yn de tiid nei it fyftichjierrich bistean. Mei it foarsitterskip der by krige Boeles it wol hwat to bannich; en doe't in jier dêrnei ek it bistjûrslid Corbelijn Battaerd, dy't de funksje fan ‘conservator’ hie, | |
[pagina 155]
| |
it Genoatskip troch de dea ûntfoel, like de tiid ryp foar it oanstellen fan in bitelle wittenskiplike krêft. As sadanich waerd yn 1894 bineamd dr. Tjitse de Boer. De Boer, dy't earst in skoft theology studearre hie, wie letter oergien op semityske filology en to Straatsburg promovearre op in dissertaesje oer de Arabyske mysticus El Ghazzali. Dat wiisde ek al de kant út fan de filosofy. Mar hy hie noch wol mear pylken op syn bôge. Dit wûnder fan geleardens wenne doe to Wurdum by syn folk en makke de reis hinne en werom elke dei to foet. Syn titel ‘conservator-bibliothecaris’ eage hiel hwat, mar it traktemint fan f 600 yn 't jier wie net earlik navenantGa naar eind77.. De Boer mei wittenskiplik amtner neamd wurde, in type dat Fryslân yn dy snuorje net sa goed koe. Faeks hie it hwat wurden as hy yn tsjinst stien hie fan de provinsje yn pleats fan feint to wêzen fan sahwat in reginteklub. Syn traktemint wie fansels fiersto leech, en sa't de dingen stiene wie der gjin kâns op forheging. Der wie in ûnbidigen soad wurk to dwaen, mar De Boer fornaem al gau dat hy yn de kar dêrfan net folle earmslach hie. Boeles wie syn baes en dy makke de tsjinst út. Sa krige De Boer neigeraden wol foar it forstân dat foar in man fan syn wittenskiplik postuer yn Fryslân gjin plak wie. Hy hat publisearre oer de rymspreuken fan Reyner Bogerman en oer de Fryske klaeiboer; en mei Buitenrust Hettema hat er oerlein oangeande de útjefte fan in Fryske bibliotheek dêr't hja ‘klassiken’ yn werprintsje soene, lyk as Hettema dat yn syn ‘Zwolsche Herdrukken’ al die foar it Nederlânsk taelgebiet. Dy Fryske bibliotheek is der al kommen, mar yn it bigjin stykjen bleaun; en De Boer hat er net oan meidien. Hy is yn 1897 bibliothekaris wurden fan de Grinzer universiteit en neitiid hat er noch in fearnsieu heechlearaer yn de filosofy oan 'e universiteit fan Amsterdam west. It sil wol sa wêze dat in man as De Boer dochs net foar Fryslân bihâlden wurde kinnen hie, mar der is hjir yn de foarige ieu ek in drôvich bytsje dien oan it fêsthâlden of ynheljen fan wittenskiplik talint. Fryslân hat noch it gelok hawn dat yn 1875, doe't de rjochterlike organisaesje foroare waerd, it gerjochtshof foar de trije noardelike provinsjes Ljouwert as sit krige. Wol is doe de Snitser rjochtbank fordwoun, mar der bleau yn Fryslân dochs in fikse juristestân oer. It koe lykwols hast net oars of by sa'n meager geleard forskaet moasten de juristen wol foar master opslaen, ek op gebieten dy't mei rjocht net folle ut to stean hiene. It ûntslachnimmen fan Buitenrust Hettema út de redaksje fan it Frysk wurdboek kaem mei troch it konflikt tusken mr. Ph. van Blom en him; en Hettema wie it dy't it fjild romme, alhoewol't er de meast deskundige wie. En al binne der gjin dúdlike biwizen fan strideraesje tusken mr. W.B.S. Boeles | |
[pagina 156]
| |
en dr. Tjitse de Boer, it stiet dochs wol fêst dat de jurist de oars biwittenskippe amtner sa'n bytsje kânsen joech dat hy op 't lêst hast wol oeral hinne woe om mar út Fryslân wei to kommen (yn in brief oan Buitenrust Hettema hied er it oer Transfael of Amearika). De earmoed wie forgreate mei't, nei de dea fan Colmjon, yn syn plak op 'e Kânselderij net wer in Fryskkundich man kommen wie. De funksje wie doe noch twaliddich: Frysk bibliothekaris en ryksarchivaris. Den Haech hie der mei oer to kedizen. Fan opfolger J.L. Berns kin neat forkeards sein wurde; allinne foar Fryslân hied er gjin hânwetter by Tiede Roels Dykstra en Colmjon. Fan dizze korrekte man hat nimmen fiifentritich jier folle fornommen. Fansels, it wie net syn skuld dat Fryslân nei de sluting fan it Frjentsjerter atheneum gjin ynstitút mear hie dat yn syn wittenskiplike need foarseach. Mar dy need wie der en kaem dúdliker oan it ljocht neigeraden dat binammen de filology út it stadium fan dilettantisme weikommen en fakwittenskip wurden wie. Opfolger fan dr. De Boer is mr. P.C.J.A. Boeles wurden, soan fan de foarsitter, dy't om dizze tiid mei syn rjochtenstúdzje rékaem en, nei't hysels letter skreaun hat, as jong advokaet yn 't earstoan noch aerdich frije tiid hieGa naar eind78.. As man dy't him ek op de archeology útlein hie wie hy folle mear immen nei de geast fan it Genoatskip as dr. De Boer. Hoe't dy geast wie komt moai ta utering yn itselde artikel fan Boeles jr. as hy fortelt oer it meidwaen fan syn heit oan de reiskes ‘met rijtuig, bespannen met twee gitzwarte Friesche paarden’, dêr't it bistjûrslid jhr. mr. F.J.J. van Eysinga, âld-foarsitter fan de Earste Keamer, elk jier syn meibistjûrders foar noege. Dizze útstapkes fan in selekt rountsje hiene dan fansels ien of oar âldheitkundich doel. Mr. W.B.S. Boeles is foarsitter bleaun hast oan syn dea (1902) ta, sa as nammers ek syn foargonger mr. Dirks sa likernôch yn it harnas stoarn wie. Syn opfolger waerd mr. W.J. van Welderen baron Rengers, dy't boargemaster fan Ljouwert west hie en lid fan de Earste en Twadde Keamer en op hwaens namme in fortsjinstlike parlementaire skiednis fan Nederlân stiet. Undertusken wiene yn it museum yn 1898 in Oranje Nassau-totoanstelling en yn 1900 in útstalling fan gouden en sulveren smeiwurk holden. Yn 1904 kaem der wer in erfskip los. Yn dat jier stoar yn Skeveningen de skilder Christoffel Bisschop, berne yn Ljouwert en noch altyd tige forboun mei it heitelân, dy't syn stikken en syn baes rariteite-kabinet foar fierwei it greatste part oan it Genoatskip tamakke blykte to hawwen. Om dat allegearre bergje to kinnen waerden wer twa huzen oan de Keningsstrjitte kocht, almeast fan jild dat de provinsje, de stêd Ljouwert en partikulieren ta foldwaen fan it Genoatskip steld hiene. |