Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 133]
| |
De neidagen fan de lette romantykOnno Sytstra en Piter Jelles - It Frysk wurdboek - It tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ - Hichtepunt en delgong fan de Folkspartij - Wagenaar en Troelstra út Fryslân wei.Yn 1884 waerd, lyk as meidield is, Onno Sytstra opfolger fan Gerben Colmjon as skriuwer en samler fan it Selskip. It skriuwerskip hat hy seis jier letter oerdroegen oan J.J. Hornstra; samler is hy in heale ieu bleaun. Gewach is ek al makke fan syn oparbeidzjen mei Piter Jelles Troelstra by it gearstallen fan de nijsgjirrige bondel ‘It Jonge Fryslân’ en fan it feit dat hja it net iens bleaun binne. Hja wiene ûngelikense natûren. Piter Jelles wie wol Selskipslid, mar de geast fan it Selskip sei him fiersto min. Rêst en evenredigens wearzgen him en pasten nammers ek net by de rûzige krisistiden. Onno Sytstra waerd alhiel in Selskipsman. It hoedzjen en útbouwen fan hwat syn heit en Tiede Dykstra bigoun wiene, hat hy al syn libben field as in opdracht. In biskieden literair talint kin him net ûntsein wurde, en mear en mear ûntjoech er him as in earsten taelkenner. Hwat hy miste lykwols wie de profetyske geast dêr't Harmen Sytstra yn syn tiid in espel jongeren mei bisiele hie. En to min hie hy ek meikrige fan de humor, dat woldiedich pânser fan de gefoelige minske. De wierheit is fansels, dat yn de oanstriid it findel to swaeijen en it folk op to wekjen út 'e slom Piter Jelles folle mear fan Harmen Sytstra hie as dy syn eigen soan. In forgeliking fan Harmen Sytstra mei Piter Jelles hat nammers nijsgjirrige kanten, hwat fierderop wol bliken dwaen sil. Wie Harmen Sytstra radikael en biweechlik, Onno Sytstra wie bihâldend en stiif. Fûleinigens hat sikerwier ek yn him libbe, mar it wie birutsen fjûr dat in inkelde kear trochbriek yn it fordigenjen fan it Selskip tsjin oanfallen en lekskoaijerij fan binnen en fan bûten út. Hy hat lykwols ek ûnwittend folle kroppe. Hy kaem as jongkeardel yn in haedbistjûr fan âlde minsken. J. van Loon en Waling Dykstra hiene maten west fan syn heit. Ek Alle Jans Smeding fan Roardhuzum hie in lange steat fan tsjinst. Alle trije rounen hja moai nei de sawntich. De gong rekke der yn dy snuorje út by it Selskip, en Sytstra wie net de man om der daliks folle oan foroarje to kinnen. Foar de tiidwurkjes fan it Selskip hied er Piter Jelles syn stipe driuwend nedich hawn. Mar Piter Jelles hie it earst to drok mei syn lieteboek en syn striidskriuwerij tsjin Lútzen; en doe't er nei syn stúdzje de hannen hwat frijer like to krijen sette er útein mei in eigen tydskrift ‘for | |
[pagina 134]
| |
Onno Sytstra, in man dy't libben en wurk earnstich opnaem. Portret fan om 'e ieuwiksel hinne. *
Hûs en Hiem’, dêr't ‘Forjit ray net!’ lang net tsjin munsterje koe. Onno Sytstra wist dat tige skoan; en hy wist ek dat hy noch it jild, noch de minsken ta syn foldwaen hie om dêr foroaring yn to bringen. Yn ‘Fjirtich Jier Taelstriid’ wol J.J. Hof der sahwat op út dat Onno Sytstra en Piter Jelles útinoar gien binne nei in rûzje, dêr't er lykwols it rjochte net fan gewaer wurde kinnen hatGa naar eind56.. Mar it is tige de fraech oft dy twa mekoarren ea fûleinich yn de boegen kommen binne. It past net by de stadigens fan Sytstra syn geast. Folle mear reden is der om oan to nimmen dat in fikse heibel, dy't de atmosfear suverje kinnen hie, der nou just net west hat. Sytstra, dat stiet wol fêst, hat him yn de freonskip dy't in skoft moai great west hat, bikronken field. Dêr is faeks bykommen it gefoel binefter to bliuwen yn de forwachtingen dy't it Selskip fan him hie oangeande it finen fan goede meiwurkers. In kear of hwat mar hat Piter Jelles in ferske bydroegen oan de Selskipsskriften. En doe't er yn 1888 foar it ljocht kaem mei ‘For Hûs en Hiem’ wied er by Sytstra wol foargoed út de graesje. Nei 1885 bigoun it Selskip stadich leden to forliezen. De krisis wie dwaende in tiidrek ôf to sluten. Mei it Frysk toaniel sjampere it noch wol sahwat; en itselde gou foar de Fryske sang, mar dat wie ek foar in part to tankjen oan it ‘Nij Frysk Lieteboek’ fan Piter Jelles en P.H. de Groot. Waling Dykstra syn winterjounenocht forkearde yn de neidagen. Wol wie it jubileum fan 1885 (yn 1860 wiene Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts bigoun) in wolkomme gelegenheit om de minsken nochris op 'e sealen to | |
[pagina 135]
| |
krijen. De hulde naem hast gjin e, mar alle taspraken, rymlerij en jûchhei koene net forhoalen hâlde dat winlik de fleur der út wie. Nei al dy feesterij hie de man der moai mei ophâlde kinnen: en faeks hied er it dien as it him barre mocht hie dizze fortsjinst fierder slûpe to litten. Mar sa wie it nou ienkear net. Nammers stie de konkurrinsje mei in hwat oar programma ek noch net daliks ré. It broazele net allegearre ôf. It wurk oan it wurdboek gyng fierder. Halbertsma syn ‘Lexicon Frisicum’ wie feitlik in forklearjend-etymologyske list fan wurden en gearstallingen mei it Latyn as fiertael. It provinsiael bistjûr, dat de forantwurdlikens foar de fuortsetting op him nommen hie, woe dit Lexicon sjen as grounslach fan it Frysk-Hollânsk wurdboek nei it foarbyld fan it Nederlânsk-Frânsk wurdboek fan de heechlearaer J.F.J. Heremans út Gent. It bitsjutte yn elts gefal dat it Latyn as fiertael plak romje moast foar it Hollânsk, al wie it yn it earstoan noch wol de bidoeling dat op de lemma's by it Fryske wurd it Latynske ekwivalint kaem to stean. De redakteuren, earst Colmjon en fan 1885 ôf Waling Dykstra, hiene boppe harren in kommisje fan taforsjoch, dy't lange jierren bistien hat út it lid fan Deputearre Steaten (teffens Selskipsfoarsitter) J. van Loon, prof. Tj. Halbertsma (J.H. Halbertsma syn soan) en mr. Ph. van Blom. Dykedizen omraek mei, binammen oer it forwizen nei frjemde wurden. De graecus prof. Halbertsma hie lykwols sa neigeraden it hast ûndwaenlike en winlik sinleaze fan it finen fan passende Latynske wurden al ynsjoen. Undertusken hie Waling Dykstra in meiredakteur krige (yn 1892); it wie dr. Foeke Buitenrust Hettema, in neerlandikus fan de nije styl dy't him ek tige it Frysk tawijde en yn elts gefal better as alle oaren wist hwat in wurdboek foar in ding is. Hy achte feitlik alle forwizingen nei wurden út frjemde talen oerstallich; en foar it fierdere kaem hy fiks yn 'e boegen mei mr. Ph. van Blom dy't, alhoewol taelkundich utersté net ûnbidreaun, alles hwat hy yn it Frysk rûch en ûnbislipe achte foar it wurdboek mar leaver wêze litte woe. Dêr tocht Buitenrust Hettema hiel oars oer. Hy hie prof. Halbertsma op syn hân, mar dy stoar yn 1894Ga naar eind57.. Johan Winkler kaem yn syn plak. Buitenrust Hettema is der yn 1899 útstapt. Winkler hie ek fan alles op him tsjin, en sels hied er hwat tsjin op in oanskriuwing fan Deputearre Steaten dat it koarter om 'e hoeke moast en hurder eine. Ek krigen alle ‘fjildwurkers’ dien. Neffens Hof hat troch Buitenrust Hettema syn bitankjen foar de eare it wurdboek by de H in ‘rare knik’ krigeGa naar eind58.; mar it is doe wol gau bigoun to forskinen yn ôfleveringen. Yn 1912 wie it ré: it bikende wurk yn trije dielen. It fjirde diel, de nammelist fan Johan | |
[pagina 136]
| |
Yn 1886 hat Tsjalling Halbertsma, professor yn it Gryksk to Grins, it Lexicon Frisicum, dêr't
syn heit midden yn de f yn stykjen bleaun wie, útjown. De foto lit de titelpagina sjen. It materiael
fan dit Lexicon hal it bigjin west fan it Friesch Woordenboek. *
Winkler, wie al yn 1898 útkommen. It Frysk wurdboek hat fan ûnwittend praktysk nut west, mar wittenskiplik is it moai fier tokoartkommen. It Selskip kin dat net witen wurde, hwant it hat syn bêste minsken en krêften oan it wurk jown. Ek it provinsiael bistjûr hat syn part wol dien, al hie it yn de lêste fase hwat rojaler wêze moatten. Né, as it der om giet hwa't it sitte litten hat, dan mei gerêst de kant útsjoen wurde fan it Frysk Genoatskip dat op groun fan syn pretinsjes en syn tradysjes de faklju leverje moatten hie foar dit krewei. Mar it is al earder sein, it Genoatskip hie neigeraden de taelkunde gewoan slûpe litten foar it museum en de terpen. As ea in biwiis levere is foar de needsaek fan de letter stifte Fryske Akademy, dan is dat de histoarje fan it earste Frysk wurdboek. In echte Selskipsútjefte wie de ‘Beknopte Friesche Spraakkunst’ dy't yn 1889 útkaem. Gearstaller mr. Ph. van Blom, jurist fan profesje, dy't lykwols yn syn jonge jierren ek kolleezjes folge hie fan de forneamde neerlandikus Matthias de Vries, ear't dy fan Grins nei Leijen oergien wieGa naar eind59.. Hy wie ek de man dy't it noch by Harmen Sytstra syn libben tsjin dy syn stavering yn 'e kant set hie. As praktysk man seach hy troch de | |
[pagina 137]
| |
De ‘bigjinselforklearring’ op 'e earste tekstside fan For Hûs en Hiem. *
romantyske dream hinne mar al to dúdlik it forlet fan in brûkber, lêsber en geef folksfrysk. It hjirfoar al neamde biswier dat hy hiel hwat rouwe mar tagelyk almeast tige skildereftige wurden as ‘patois’ forsmiet, hie foar in spraekkunst fansels minder bitsjutting as foar in wurdboek. Van Blom syn boekje kaem yn 't plak fan Colmjon syn útforkofte spraekkunst, dêr't it earst in biwurking fan wêze sillen hie. Mar Van Blom hat der by neijer ynsjen dochs hwat eigens fan makke. It hat in rige fan jierren biwiisd in hânsum en brûksum wurkstikje to wêzen foar mannichien dy't ynhelje woe hwat him op skoalle net leard wie. Yn 1887 waerd yn de algemiene gearkomste fan it Selskip J. van Loon huldige fanwegen syn sulveren jubileum as foarsitter. Datselde jiers stoar H.G. van der Veen, skoalmaster, journalist en pamflettist, dy't út syn stânplak Driezum wei langer as tritich jier op in nuversoartige en prikeljende wize mei birjochten, skôgingen, leardichten, slachrimen en lieten | |
[pagina 138]
| |
striid levere hie tsjin domperij en wanleauwigens, en yn syn krityk faek ûnbiskromme foar himsels opkommen wieGa naar eind60.. Bikend is er binammen wurden troch syn fete mei baron Van Sytzama, de boargemaster fan Dantumadiel, en syn liet ‘Wei mei Tyrannen’ dat lange tiden songen is as in folkshymne. Yn de liberale folksskriuwerij nimt hy in eigen plak yn. Hy wie earelid fan it Selskip. It earste nûmer fan it tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ ûnder redaksje fan Piter Jelles Troelstra kaem út midden yn de krisis, yn jannewaris 1888. Printe by de Coöperatieve Handelsdrukkerij wie it mei syn rojael formaet, syn 32 siden en syn goede grafyske forsoarging in foarbyld fan hoe't it ek koe en hoe't it Selskip it noch nea dien hie. It Selskip wie earm en koe net folle bisteegje oan ‘Forjit my net!’ en it jierboekje ‘Swanneblommen’, tiidwurkjes dy't de leden forgees thúskrigen. De ynlage wie in ryksdaelder yn 't jier en de kriten krigen foar har leden dêr noch wer in goune fan werom. Oer kontribúsjeforheging koe yn dy snuorje (mar ek jierren letter noch) feitlik net praet wurde om't dat gou as in bisykjen de leden fuort to jeijen. Wol kaem it op 'e algemiene gearkomsten hieltyd wer ta ûnfreonlike diskusjes tusken haedbistjûr en kritefortsjinwurdigers dy't de goune út de Selskipskas to min achten. Salang't it koe hat it haedbistjûr hoek holden, mar it wie dochs ien fan dy biskamsume dingen dy't Fryslân wol mear to sjen joech hwannear't it om jild to rêdden wie. Foar syn moanneblêd hie Piter Jelles binammen help fan T.E. Halbertsma, Kees Wielsma en Sikke Koldyk, jonge keardels alle trije. Piter Jelles syn frou forsoarge ûnder har skriuwersnamme Nynke fan Hichtum in bernerubryk. Dat op himsels wie al hwat nijs. Wol hiene Waling Dykstra en Frederike Rutgers út Hallum earder alris mei bernelektuer pield, mar dat wie fansels hiel hwat oars as it geregeldwei de bern hwat to lêzen en hwat to rieden jaen yn in tael dy't hosk wie en bleau op 'e skoallen. It hat in foarbyld west dat letter faek neifolge is. Nou rikte it trochstring-nivo fan ‘For Hûs en Hiem’ net sa fier út boppe dat fan de Selskipsskriften, al wie Piter Jelles syn leafdeslyryk wol ûngewoan fan ynhâld en klank. Mar it wie fan opset hiel oars: moderner en mei syn fynsten en fragen en korrespondinsjerubryk folle mear stribjend nei kontakt mei de lêzers. Fan mear bitsjutting lykwols moat jin yn it weromsjen talykje de striidberens dy't Piter Jelles oan it blêd meijoech. ‘Nea het it Frysk sa faei west as yn ús dagen. Alle seilen moatte byset wurde om it silende to hâlden’. En fierder: ‘Striid sa mei ús de hillige striid for heitelân, tael en seden’Ga naar eind61.. Nammers hat er yn it earste nûmer al sein dat ‘For Hûs en Hiem’ der is foar ‘edelljue, boeren, keaplju, domenys, dokters, studinten, | |
[pagina 139]
| |
notarissen, skoalmasters, boppe- en ûndermasters, dy't it oan it hert giet, det hja op skoalle it Frysk der sa útreagje moatte’Ga naar eind62.. Arbeiders wurde net neamd, mar mei dy har bistean stie it yn dy krisistiid noch faeijer as mei dat fan it Frysk. En yn it trêdde nûmerGa naar eind63. krije de keppelbazen it al to forduorjen, de mannen dy't it folk leverje by it ierappeldollen en noch wol oare rispingen: foar sa min mooglik jild. It nasionael motyf komt wer op nijsgjirrige wize oan it ljocht yn it lêste nûmer fan de earste jiergongGa naar eind64. dêr't P.J. Sjollema út Londen wei skriuwt oer de taelstriid yn Wales. Yn it ûnderskrift sei Piter Jelles fan doel to wêzen de ‘greate nationale biwegingen, it opbrûzjen fen de âlde folksaerd, oer hiel Europa hinne’ ris ‘hwet neijer ûnder de eagen to sjean’. It is der net fan kommen; mar hjir stuitsje wy dochs op in motyf út de romantyk dêr't de geastlike bisibbens fan Piter Jelles en Harmen Sytstra út sprekt. Har eftergroun is net deselde, mar striidber binne hja út gelikense motiven: nasionael en sosiael. It is dêrom ek net út aerdichheit dat Piter Jelles yn de trêdde jiergong fan ‘For Hûs en Hiem’ nochris wer Harmen Sytstra syn bikende fers ‘Foarút’ opnimt. ‘Foarút! foarút! mîn londsliud, sjoch hit daegjen; dy hoane krait; nén sliep mear! - hit is tiid!’ ... ensfh.Ga naar eind65. Mar dat is, nei't hysels mei syn fers ‘In nije Tiid’ de bongel der al yn soald hatGa naar eind66.. Yn it al in pear kear oanhelle ‘Wird oan ús Londsliudum’ fan Harmen Sytstra en yn ‘In nije Tiid’ fan Piter Jelles falle de aksinten net hielendal gelyk. Sytstra syn stik is binammen nasionael rjochte, Piter Jelles syn fers mear sosiael. Dochs hawwe se folle gemien. Hwant Sytstra poent ek krêftich de sosiale snaer en Piter Jelles skriuwt dúdlik út syn Frysk roppingsgefoel wei. It greate forskil iepenbieret him wûnderlik genôch yn de útwurking nei bûten. Even in pear teksten. Sytstra skreau oer de earmen: ‘Hia, oltyd fortrape end efter de doar scuwd, hia meitse en deil út fon th' folk, end habbe up folksfoarriuchten oanspraek. Gean se sucke tiden rúch end ruw to wirk, det is ús skild: wy habbe se nawt forstondich makke, se nin riuchtlikheid leard. Yn Iduna mei suks utere wirde, um't hit nen forkearde folgen jaen kin; up fulle oare plakken scoed it misseid wese’Ga naar eind67.. Yn ‘In nije Tiid’ fan Piter Jelles steane de folgende rigels: ‘En fierder ropt er: ‘Hen, de dage / Komt op, it wurdt al read oan 't swirk! / Lyk rjucht foar elk! dat is de frage / For elk syn lean, en: Lean nei wirk! / It wirdt ris tiid, dat millioenen / Net mear by tûzen efterstean / Op, op, om d'ierde om to tsjoenen!’’ ... ensfh. Yn ‘Iduna’ koene Harmen Sytstra syn krasse wurden, nei't bliken dien hat, ‘nen forkearde folgen jaen’. Mear as fjirtich jier letter die Piter Jelles syn opstannich fers yn ‘For Hûs en Hiem’ dat wol. Der kaem dalje op, en net sa'n bytsje. | |
[pagina 140]
| |
Hoe't it krekt gien is, is net mear nei to gean. Yn syn tinkskriftenGa naar eind68. seit Troelstra dat dit fers him der ta brocht hat ôfstân to dwaen fan ‘For Hûs en Hiem’. Mar yn in brief fan 10 desimber 1890 oan syn meiwurker T.E. HalbertsmaGa naar eind69. klaget hy allinne noch mar oer it bitankjen fan fyftich yntekeners, der by sizzend dat in ryksdaelder yn 't jier foar Frysk lêzen blykber foar in hopen op 'en dûr tofolle is. In antwurd fan Halbertsma is net bikend, mar de mannen moatte deselde moanne de boel noch forpraet hawwe, hwant by it yngean fan de nije jiergong hat Halbertsma de lieding fan Piter Jelles oernommen. Der is ek in oare printer (Meijer & Schaafsma) en it formaet is lytser. It bitsjut dat Piter Jelles syn liedend plak yn de Fryske biweging opjown (of forspile) hat. Hy sil it tonei alhiel smite oer de boech fan de polityk. In lyts drama hat it grif west; nammers gyng Troelstra fan doe oan in dramatyske libbensfase tomjitte. Fansels, hy hie neat fan de hoedenens fan in Onno Sytstra. Mar de hiele gong fan saken smyt dochs gjin gunstich ljocht op de hâlding fan it Selskipsfolk foar de bêste Fryske dichter oer. It Selskip stie bûten ‘For Hûs en Hiem’ en it stie formeel ek bûten de swierrichheden dy't Piter Jelles him mei syn fers op 'e hals helle hie. Mar it hie him net stilhâlde hoegd doe't de buoi loskaem oer in sa foaroansteand en striidber lid, foar in part ek noch út in hoeke dêr't men syn fers net iens lêzen hie of lêze koe. It Selskip hat doe net bigrepen of net bigripe wollen dat hjirre deselde krêften har opponearren dy't it Frysk sa ûnforwrigber fêstspikere hiene op syn biskieden plak en funksje. Troelstra hie it earder hawn oer de ûndermasters en boppemasters dy't it Frysk der útreagje moasten. Dat wie de wierheit; hwant sels it tinken oer in bytsje Frysk op skoalle like doe noch in ketterij yn oerheitsopfettingen dêr't, dat moat fêststeld wurde, it Selskip him fiersto folle in pylder fan fielde. In diel jierren letter hat Troelstra tsjin Jan Hof (beide wennen doe yn Haerlim) sein dat der gjin mores yn de Friezen to krijen wie. ‘Scil sa'n taelstriid fortuten dwaen, den moat it in folksbiweging wirde, lyk as by de Flamingen. Nou, det hat by uzes nea west; det wier 't yn myn tiid net en det is 't nou yette net. It giet allegearre bûten it folk om’Ga naar eind70.. Hy sei der noch by dat it folk it Frysk allinne gaedlik achte foar potsen en grapperijen; it earnstige moast yn it Hollânsk skreaun wêze. It is fansels net it hiele forhael oer it ôfskie fan Piter Jelles as Frysk strider en dichter yn it bigjin fan de njoggentiger jierren fan de foarige ieu. Mar hwat útslútsel jowt it dochs wol. De Selskipslju hiene it fansels alderbêst foar mei it Frysk, mar hja wiene der fier fan ôf to stribjen nei in soarte folksmobilisaesje. Swierrichheden en spul woene hja net. De Fryske striid to meitsjen ta in politike saek bitsjutte it botsen fan liberalen mei | |
[pagina 141]
| |
oare liberalen, op straffe fan de fortinking dat hja it holden mei de revolúsjeroppers. Liberael drukte yn dy tiid gjin striidposysje mear út: it wie in etablearre libbenshâlding wurden. Sa wurdt it wol hwat dúdliker hwerom't it Selskip net fanwegen kaem foar Piter Jelles, doe't dy it by de lju fan it bihâld sa lilk bidoarn hie. It barren fan doe lit it Selskip sjen as in rounte dy't dulde waerd salang't hja it bifoarderjen fan it Frysk mar skieden hold fan de sosiale striid. En dêrmei is it plak moai aerdich oanjown foar noch in rige fan jierren, al waerd yn de opgeande tiden de moed hwat greater en koene doe ek de swetten hwat fierder útlein wurde. Foar de folsleinens moat noch al forteld wurde dat Piter Jelles útnoege waerd foar it hâlden fan in foarlêzing op de algemiene gearkomste fan it Selskip yn 1891 dy't to Grou holden waerd. Hy is dêr ek kommen en hat sprutsen oer heitelânsleafde; mar it wie in forhaeltsje mei mear biedwurden as substânsje. Faeks hied er dizze treastpriis mar better lizze litte kinnen. De sosiale striid yn Fryslân, dêr't it gefoel fan Fryske roppenens sa tige by to fornimmen wie, gyng bûten it Selskip en los fan it Selskip syn gong. De Folkspartij krige moai aerdich stal yn 1887 doe't de forieningen foar algemien kies- en stimrjocht in Frysk Comité oprjochten. Foarsitter wie dr. Vitus Bruinsma, in learaer út Ljouwert, siktaris J. Mollema en skathâlder Oebele Stellingwerf. Prinsipiële sosialisten wiene hja gjinien fan trijen, mar it goedkarde program wiisde wol yn sosialistyske rjochting. Typysk-Fryske problematyk kaem ta utering yn it foar gemeenten easke rjocht op ûnteigening fan groun (om arbeiders oan it wurk to krijen). Men kin der ek yn fine it ûnderskied tusken it kiesrjocht (dat ek oan froulju takend hearde to wurden) en it stimrjocht, dêr't it folksreferendum mei bidoeld waerd. It Fryske Comité hat grif sjoen nei Switserlân, dêr't it in middel wie (en noch is) om de ‘souverein’, it folk, it lêste wurd to jaen. Tagelyk hearde it referendum tige by de Helvetyske federale steatsstruktuer. De Folkspartij wie ek federalistysk; nammers wie dat de hiele iere sosialistyske biweging yn Fryslân. It gyng dêrby minder om in goed omskreaun bigjinsel as om de oertsjûging as folksmienskip mei in eigen wêzen en in eigen skiednis ek in eigen opdracht en plak to hawwen yn de ûntjowing fan Nederlân nei demokratysker en rjochtfeardiger forhâldingen. It hichtepunt kaem yn 1890 doe't de Folkspartij in feitlike federaesje waerd fan forieningen fan Algemien Kies- en Stimrjocht, ôfdielingen fan it Sosiael-Demokratysk Boun en hwat oer wie fan de Werkliedenvereeniging. Foarmannen wiene Vitus Bruinsma, Oebele Stellingwerf, Rindert van Zinderen Bakker en Geart van der Zwaag. Van Zinderen Bakker wie | |
[pagina 142]
| |
De lieding fan de Fryske Folkspartij en it tal oansletten organisaesjes: side fan it yn 1891 troch Piter Jelles gearstalde Almanak foar 1892. Neffens ledetal stie de Folkspartij doe op in hichtepunt, mar de delgong wie al bigoun. *
in goed ûnderleine timmerman dy't wol yn ‘Recht voor Allen’ skreauGa naar eind71.. Van der Zwaag, fan hwa't al wurk stien hie yn ‘It Jonge Fryslân’, hie namme makke as foardrager fan eigen stikken en redigearre sûnt koart in eigen wykblêdGa naar eind72.. Vitus Bruinsma, doctor yn de wis- en natuerkunde, wie in nijsgjirrige figuer yn dit formidden. Hy hie earst brutsen mei de roomske tsjerke; letter hied er as liberael (en frijtinker) yn de redaksje sitten fan de ‘Friesche Courant’, mei Troelstra sr., neidat de fortsjinstlike en frisse J.F. Jansen de lieding ûntnommen wie. Sa neigeraden is er doe opskoud nei tichteby it sosialismeGa naar eind73.. It heechtijjier fan de Folkspartij krige syn dúdlike aksinten troch de twa | |
[pagina 143]
| |
Domela Nieuwenhuis, de man mei de profetekop. Syn portret hie yn in soad arbeidershúshâldingen deselde funksje as fromme printen by kristlike minsken.
(Foto Leeuwarder Courant) greate meetings yn 1890: earst dy to Ljouwert en letter dy op it Mar by 't Hearrenfean. De krisis wie doe ek op syn fûlst, en stakingen yn de feanen en It Bildt wiene dêrfan de bigeliedende forskynsels. Op Piter Jelles Troelstra, doe noch yn bistân hokker kant hy út soe, is fan dizze foar dy tiid enoarme demonstrative gearkomsten de biskiedende stjit útgien. Yndruk hat binammen op him makke de mars yn rigels fan fjouwer, manlju en froulju, fan de Bildtske foriening ‘Broedertrouw’ dy't op wei nei 't Hearrenfean, foar syn hûs yn Ljouwert lâns kaem. ‘Broedertrouw’ hie dy maitiids in staking woun. Yn dizze dagen hat hy syn kar dienGa naar eind74.. Wol bitanke hy foar in Keamerkandidatuer dy't de Folkspartij him oanbea, mar allinne om't er himsels noch net geastlik ré achte foar Keamerlid. Yn itselde brief ûnthiet er fierdersoan syn krêften to jaen oan de arbeidersbiweging ‘met opoffering, als het moet van veel wat het leven rustig en aangenaam maakt’. Nei dit greate jier gyng it mei de Folkspartij net sa goed mear. Wol jowt it yn 1891 fan Troelstra gearstald almanak fan de Folkspartij noch in treffend byld fan it oer de hiele provinsje forsprate net fan ôfdielingen mei ledetallen (ek de frouljusforieningen ûntbrekke net), mar datselde jiers kamen de delklappen al. Domela Nieuwenhuis waerd net op 'e nij keazen yn Skoatterlân en fan de oare Folkspartijkandidaten krigen allinne | |
[pagina 144]
| |
Vitus Bruinsma yn it distrikt Frjentsjer en Van der Zwaag yn it distrikt Wolvegea in tal stimmen dat makke, ek al wie it net foldwaende foar in neiforkiezing. Nieuwenhuis loek him werom foar de herstimming en dreau fierdersoan mei it Sosiael-Demokratysk Boun, dêr't er de lieding fan hie, yn in rêd tempo de anarchistyske kant út. Hy en syn meiwurkers ûntdieken doe dat de Folkspartij einliken mar in frjemd gearmjuksel wie fan ûnderskate rjochtingen: radikalen, lânherfoarmers, revolusionairen en noch wol hwat keppels mear. En hwerom dat provinsiael gedoch? Wie Fryslân in eilân? Nieuwenhuis wie in sosiael-revolusionair dy't de wrâld omkeare woe en wearzge fan hwat hy seach as heal gedoch. Frysk federalisme foel alhielendal bûten syn eachweid. Yn de sintrale ried fan it Sosiael-Demokratysk Boun kaem yn 'e hjerst in winliken tsjin de Folkspartij rjochte útstel oan 'e oarder om net mear mei oare organisaesjes op to arbeidzjen. Oft it formeel oannommen is is net wis, mar in feit is dat de Fryske ôfdielingen fan it Boun stadichoan de Folkspartij bigounen to forlitten. In bisykjen fan Troelstra yn 1892 om fan de Folkspartij in parlemintaire sosiael-demokratyske partij to meitsjen (en dêrmei ta de kearn fan in Nederlânske partij) roun op 'e stomp om't Vitus Bruinsma, Van der Zwaag en Oebele Stellingwerf dêr net oan woene. Har hâldfêst lei yn Fryslân. Fan de Folkspartij is yn de lettere njoggentiger jierren net folle oerbleaun. Troelstra forteach yn 1893 nei Amsterdam, Van Zinderen Bakker kaem by de Janssen-stichting en Oebele Stellingwerf stoar yn 1897. Vitus Bruinsma hat noch yn de rie fan Opsterlân sitten, mar is dochs net lang mear aktyf bleaun. Dat Van der Zwaag yn 1897 yn de Keamer kaem, tanke er mear oan himsels as oan de Folkspartij. Troelstra waerd datselde jier ek keazen, mar foar de SDAP. De nijsgjirrige episoade fan de Folkspartij wie doe feitlik al foarby. Se moat ta de skiednis fan de Fryske biweging rekkene wurde om't se stuolle op it liberale moralisme fan de folksskriuwerij en allinne mar fierder gyng as Waling Dykstra en syn maten woene of doarsten. De forbiningsskeakel is Oebele Stellingwerf mei syn ‘Friesch Volksblad’, al hearre ek minsken as Jentsje Sytema en G.L. van der Zwaag neamd to wurden. De Folkspartij hat de radikale rjochting west fan de Fryske biweging, der nei stribjend de geast fan frijheit en rjocht mei to dielen oan de hiele Nederlânske naesje. Dizze regionale sosiale herfoarmingspartij, mei op it hichtepunt tusken 5000 en 6000 Fryske leden, is sûnder foarbyld yn de Nederlânske politike skiednis en allinne forklearber út de emansipaesje yn de heale ieu dêrfoar. In skôginkje oer de ynfloed dy't de Folkspartij hawn hat op it Frysk Patrimonium (eigen foriening sûnt 1891), falt hwat bûten it bistek fan dit | |
[pagina 145]
| |
Ds. Lútzen Wagenaar. ien fan de foarmannen fan de doleânsje yn Fryslân, is bikend bleaun as
Frysk skriuwer; minder bikend is dat hy yn (Frysk) Patrimonium meiwurke hat oan in moai
radikael stânpunt yn de grounkwestje. *
boek; mar it is wol nijsgjirrich om to witten dat ds. Lútzen Wagenaar meiwurke hat oan in rapport dêr't foar de arbeiders ‘toegang tot de grond’ yn easke waerd. Dit is in eufemisme fan grounnasionalisaesje en Frysk Patrimonium is der net fier mei kommen mar it stie hjirmei dochs mei de Folkspartij yn ien gelid. Wagenaar wie yn 1889 út Heech nei Ljouwert kommen, mar waerd yn 1892 al wer nei Arnhim biroppen. Yn Fryslân hat men sûnt net folle mear fan him fornommen. It fortsjen fan Troelstra en Wagenaar, it yn it neigean reitsjen fan de Folkspartij, de op 'en dûr mear as twiveleftige fortuten fan de stakingen, it hurde regaed dat de oerheit mei polysje en soldaten makke by arbeidsûnrêst, it wiene allegearre tekens det wer ris in dream foarby wie. De Fryske frijheit hie de wrâld net forovere. De greate dei fan de folsleine omkear dy't safolle earme lju yn 1890 forwachten wie net kommen. Sels it algemien kiesrjocht like noch fierôf. Tagelyk mei it hiel stadich better wurden fan de tiden roun it mei de sosiale romantyk yn Fryslân op in ein. Mar de âlde tiden wiene likegoed foarby. |
|