Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 122]
| |
De sosiale romantykIt Selskip stiet oan 'e kant - Oebele Stellingwerf en it ‘Friesch Volksblad’ - Piter Jelles as dichter en as rebel - De striidskriuwerij tusken Piter en Lútzen.Doe't it Selskip yn 'e fjirtiger jierren út ein sette, siet efter syn aksje ek foargoed in maetskiplik protest fan de lytse man dy't it ideael fan in frij en rjochtlik Fryslân klinke liet tsjin de efterlike stannehiërarchy dy't him troch de minne tiid noch mear as tofoaren yn de bidelte hold. It ideael wie boud op 'e nea forstoarne frijheitsleginde út de midsieuwen. Ta ûntjowing is it Selskip kommen yn better tiden, doe't de politike macht foar in great diel yn hannen rekke wie fan de liberalen. Mar doe't nei de relatyf fleurige jierren de tiden wer minder waerden, koe it hast net oars of de hâldingen fan de minsken dy't dêr it meast ûnder lije moasten waerd wer mei biskaet troch de âlde sêge en ek troch it Frysk fielen, lyk as dat troch toaniel en winterjounenocht sa tige opwekke en forspraet wie. Hjiryn leit in forklearring foar it eigen karakter fan de Fryske sosiale striid yn de tachtiger en de njoggentiger jierren nei de heechtiid fan it Frysk selsfielen yn de snuorje dêrfoar. Binammen agrarysk gebiet, lyk as Fryslân dat altyd west hat, ken minne en bettere tiden. Statistysk tekent de greate krisis him al ôf oan 'e ein fan de sawntiger jierren; mar yn syn tinkskriften makket Piter Jelles Troelstra noch gewach fan it greate forskil tusken de moai fleurige tiid, ear't er nei Grins op 'e stúdzje gyng (1882) en de delgong in jier of fjouwer letter. De boeren stie doe it wetter oan 'e lippen ta troch de skriklike fal fan de prizen, notarissen sloegen fallyt, by de arbeiders wie it klearebare ellindeGa naar eind48.. Yn dizze situaesje fan forfal stie it Selskip op in nuver ûndúdlik plak. Yn 1848 hie Harmen Sytstra krêftich de kant kieze kinnen fan it ûnderlizzend laech yn syn ‘Wird oan ús Londsliudum’. Mar ditkear wie it Selskip oan hannen en fuotten boun; in hwat ûnnatuerlike posysje foar in foriening dy't fuortkommen wie út forwar tsjin efterstân en efterstelling fan de Fryskpratende lytse man. De neutrale hâlding fan it Selskip hat makke dat him in stik Fryske biweging ûntjoech bûten it Selskip om yn de sosiale striid, al diene der wol Selskipsleden oan mei. Fan har heart alderearst neamd to wurden Oebele Stellingwerf. Hy wie berne yn 1848 en oplaet foar skoalmaster, mar dat amt hied er troch in eachkwael mar koart útoefenje kinnen. Hy hie freonen dy't him stipen; en sa koed er yn 1876 mei syn omke Waling Dykstra it ‘Friesch Volksblad’ | |
[pagina 123]
| |
Piter Jelles foar syn studintejierren, frijmoedich de wrâld ynsjend. *
oprjochtsje, in liberael en folksaerdich wykblêd dêr't al gau in radikael lûd yn to fornimmen wie. Waling Dykstra hie it alris earder mei in krante bisocht, ntl. de ‘Frîske Nysbode’, in alhiel yn it Frysk skreaun wykblêd dêr't ek Tsjibbe Gearts him tige yn hearre liet. De ‘Nysbode’ hie it lykwols mar fiif fearnsjier útholden (1865/'66). De skea dy't dizze mislearring foar de Fryske saek bitsjutten hat, is min to skatten. Waling Dykstra hat oan 'e ein fan syn libben noch wol de foldwaning hawn in wykblêd to lieden dat sa wier. útkoe, ntl. ‘Sljucht en Rjucht’. Lykwols, in nijsblêd dêr't him in Fryske journalistike tael en styl yn foarmje koe, wie dat net. Sa koe it feit dat it mei de ‘Nysbode’ neat wurden is wolris swierwichtige gefolgen hawn hawwe, mei't by de lettere útwreiding fan it krantewêzen yn Fryslân it Frysk as gewoane lêstael amper mear yn de bineaming kaem. De tael fan it ‘Friesch Volksblad’ wie meast Hollânsk; dochs krige it Frysk der in plak yn as foar 1945 yn gjin inkelde oare krante. Untjoech Oebele Stellingwerf him troch syn krante en syn warberens mear en mear ta de sintrale figuer yn typysk Fryske politike en sosiale omstannichheden, nêst him woun yn de tachtiger jierren de tolve jier | |
[pagina 124]
| |
jongere Piter Jelles Troelstra stadichoan profyl. Syn heit Jelle Troelstra wie in warber Selskipslid en in warber liberael, mar de tael thús wie it Ljouwertersk en Jelle Troelstra syn liberalisme wie fan it bihâldende soarte. Dat kaem op in hiel dúdlike wize ta utering yn de koerts fan de ‘Friesche Courant’, dêr't hy de lieding fan hie sûnt it yn 1879 slagge wie redakteur Jan Frederik Jansen, de bikende Harnzer ûnderwiisman, frijmitselder en lofts-liberael, oan kant to setten. Jansen wie in frijmoedich en origineel man, dy't troch de ‘Friesche Courant’ hiel hwat ynfloed hawn hie en fan hwa't de Ljouwerter ‘doctrinairen’ (lês: konservativen) noch wolris hwat hearre moatten hiene. Nei syn ôfgean wie it út mei bûtensprongen. Piter Jelles moast yn it earstoan wol ta de liberalen rekkene wurde, mar net ta de rjochting fan syn heit. Selskipslid wied er al foar syn studintetiid en troch syn Frysk wurk kaem hy al gau yn de kunde mei Oebele Stellingwerf, in man dêr't er folle mei gemien hie. Yn Piter Jelles syn geast libbe fûl de âlde frijheitsidé dy't hy mear en mear, as Harmen Sytstra, forboun mei it maetskiplik protest. It wie in geast dy't Oebele Stellingwerf ek bisiele, mar op in minder fûleinige wize: hy wie âlder en hie ek al it ien en oar meimakke. Twarisom stiften hy en Piter Jelles de rederikerskeamer ‘Gysbert Japiks’, mei it doel hwat fornijing to bringen yn it Frysk toaniel, dat mei skriuwers as Tseard Velstra en S.H. Hylkema stadichoan yn in drakerich-sentiminteel farwetter bidarre wie. Beide skreauwen hja in stik yn in mear realistyske trant, net ûnfortsjinstlik neffens Poortinga; mar foar de skiednis is wichtiger de protesthâlding dy't der efter siet. Hwant binammen Velstra stie yn Selskipsrounten heech yn 'e gunst, winner fan toanielpriisfragen en nammers Selskipsbistjûrslid yn dy snuorje. In selde protesthâlding kaem ta utering yn de útjefte fan de fersebondel ‘It Jonge Fryslân’ troch Piter Jelles en Onno Sytstra, Harmen Sytstra syn soan. Hjiryn utere him wer de romantyk, binammen by Piter Jelles dy't doe al tige ûnder de ban stie fan de poëzije fan Heinrich Heine. It wie lykwols it ‘Friesch Volksblad’ dat yn dy snuorje en noch jierren dêrnei de wjerspegeling bleau fan hwat him oan nije opfettingen en oan sosiale ûntjowing yn Fryslân foardie. Iensidich is dizze boarne wol yn safier't net sa dúdlik blykt hwat him ûnder it rjochtsinnige diel fan de bifolking ôfspile. Dochs wie Stellingwerf net ûngodstsjinstich en biliven net anti-godstsjinstich; en yn syn stribjen nei in Folkspartij skreau er: ‘in demokratysk anti-revolutionair stiet tichter by ús as in konservatyf liberael’Ga naar eind49.. Hy wie ek dejinge dy't it emansipearjend elemint seach yn de doleânsje. Stellingwerf wie dúdlik in man fan in oare tiid en in oare geast as Waling Dykstra, syn mei-redakteur. Dy hat in jier of hwat oan de | |
[pagina 125]
| |
Titelpagina fan de bondel Sangen en Rimen, hwermei't yn 1881, nei't it like, Piter Jelles en
Harmen Sytstra in nij literair tiidrek iepenen. Mar de wegen fan de beide mannen binne al gau
út mekoar gien. *
ynhâld fan it ‘Friesch Volksblad’ sines noch wol bydroegen, mar hy koe yn de stream fan de tiid net earlik mear meikomme. Hy hearde wis by hwat it forljochte diel fan it folk hjitte, mar fan ‘opstokelderij’ moast hy neat hawwe, en der kaem in tiid dat hy de koerts fan Oebele Stellingwerf net mear folgje woe of doarst. It algemien kiesrjocht, it biheljen dus ek fan de arbeidersman yn de gearstalling fan de iepenbiere organen, dêr't Stellingwerf mear en mear foarstanner fan waerd, gyng him to'n earsten noch to fier. Hielendal moast hy der yn syn moai kwetsbere posysje foar oppasse foar ‘read’ forsliten to wurden. Hy liet him dêrom foar tûzen goune útkeapje en fan jannewaris 1883 ôf stie syn namme net mear op it ‘Friesch Volksblad’. Fryske biweging is emansipaesje of it is net mear as boarterij. Yn de tachtiger jierren briek yn Fryslân fan alles troch dêr't yn de foarôfgeande tiden de skriuwers en de sprekkers de grounslach fan lein hiene. By alle ellinde, faeks troch de ellinde, opponearre him krêftich de idé fan de Fryske roppenens. Dêr wie op it foarste plak de drankbistriding. Notaris Jan Gelinde van Blom en in oare Drachtster, de fédokter Kylstra, wiene dêr al moai ier yn de ieu mei útein setGa naar eind50.. It gyng der harren binammen om, de arbeiders fan de jenever ôf to helpen, mei goede rie mar ek mei foarljochting oer it kwea dat de drank yn de húshâldingen stifte. It thema wie letter oernommen fan de Winterjounenochtsprekkers yn har preekjes | |
[pagina 126]
| |
tsjin de folksûndeugden. Yn de tachtiger jierren waerd it in wichtich punt yn de sosialistyske propaganda. Bûten Fryslân foun it ûnthâldingsbiedwurd mar in bytsje wjerklank. Stellingwerf hie in program. Dat hold yn: De groun oan allegearre, kiesen stimrjocht foar allegearre, kunsten en wittenskippen foar allegearre en sterke drank foar gjinienGa naar eind51.. It hat wol eigenskip om op dit program even troch to gean om't it in soarte gearfetting wie fan in nijsgjirrige en typysk Fryske ûntjowing. It punt oangeande de kunst en de wittenskip kin moai grif sjoen wurde as in fuortbouwen op it stribjen nei goed folksûnderwiis, dat krekt yn Fryslân troch it baenbrekkend wurk fan minsken as J.H. Nieuwold, H.W.C.A. Visser en H. Nieubuur Ferf al de hiele ieu sa tige de klam krigen hie. Brek oan jild en ek sunigens hiene makke dat it mei de fortuten fan dat stribjen net oerhold: mar de idéen bleauwen libjen en hawwe der ta bydroegen dat yn 1866 de ynearsten alhiel Fryske foriening ‘Volksonderwijs’ oprjochte waerd. Dat de stifters - mr. Ph. van Blom, jhr. F.H. van Beyma thoe Kingma en jhr. I.F. van Humalda van Eysinga - goed ûnderwiis foar eltsenien seagen as oerheitstaek en dêrmei front makken tsjin de oanwinnende propaganda foar it bisûnder ûnderwiis, lei yn de geast fan dat liberale tiidrek. Lykwols, de kwestje fan de learplicht kaem der dochs ek mei op it aljemint en de eask dêrta waerd letter opnommen yn it program fan de ‘Provinciale Friesche Werkliedenvereeniging’. De learplicht foun ek in fordigener yn de al neamde J.F. Jansen to Harns. De grounkwestje, in oar punt út Stellingwerf syn program, hie in dúdlike Fryske eftergroun. Fryslân wie it lân fan de hierde boeren dy't it yn de krisisjierren mar muoisum slagge de lânhearre ek in part fan de earmoed taskikt to krijen. ‘Fryslâns groun is hearegroun’ is in typysk ‘Friesch Volksblad’-biedwurd. De krisis hat yn Fryslân nochal hwat oanhing oplevere fan it saneamde Georgisme, dat de grounrinte weibilêste woe, en hat it earste koöperatyf suvelfabryk oplevere (to Wergea yn 1885) dat it bigjinpunt west hat fan in ûntjowing yn greate styl. Ek hjiryn stie Fryslân foaroan. In koöperatyf eksperimint wie nammers al yn 'e sawntiger jierren yn Ljouwert bigoun en slagge: bakkersfeinten dy't nei in staking net mear oan de slach komme koene, hiene de bakkerij ‘Samenwerking’ oprjochte, dy't al gau florearre. Yn dizze koöperaesje wie de hân to fornimmen fan O. Rommerts, de greate man fan de ‘Werkliedenvereniging’ dy't yn 1874 sels de lieding krige hie fan de ‘Coöperatieve Handelsdrukkerij’ to Ljouwert, dy't einliken gjin echte koöperaesje wie. Rommerts wie in oergongsfiguer; hy hat nea sosialist west en krige letter sels in lintsje, mar doch hat er wol in fiks oanpart hawn yn de emansipaesje | |
[pagina 127]
| |
It Friesch Volksblad, Oebele Stellingwerf syn krante, is in spegel fan hwat yn de tachtiger en
njoggentiger jierren fan de foarige ieu yn Fryslân oan idéen oer sosiale en politike herfoarmingen
libbe hat. Ek oer de aksjes dy't der fierd binne is der fan alles yn to finen. ***
fan de arbeiders en yn de bifoardering fan de nije streamingen yn Frysk-idealistyske geast fan frijheit en rjocht. Dy geast hat de hiele sosiale en politike warberens en ûnrêst fan it lêste fearn fan de njoggentjinde ieu ta in stik Fryske biweging makke, ek al stie troch de ôfsidigens fan it Selskip de tael net sa op 'e foargroun. Der rint yndied in tried fan Harmen Sytstra syn rop om sosiale gerjochtigens oer it Winterjounenocht hinne nei de troch de krisis oproppen emoasjes. It ‘Friesch Volksblad’ nimt it yn 1881 op foar de koetsier R. Agema op it Oranjewâld dy't de greatgrounbisitter Bieruma Oosting, by hwa't er yn tsjinst wie, bidrige hawwe soe mei in revolver en op jild ferge. De rjochtbank hat him dan al foroardield ta in healjier finzenis en fyftich goune boete; mar de saek hat fortochte kanten en it ‘Friesch Volksblad’ iepenet ûnder it motto ‘lyk rjocht foar hear en feint’ in jildsamling foar de riedsman yn it heger biropGa naar eind52.. Der komt genôch yn om in goed advokaet to biteljen, hwant der is in weach fan opskuor oer Fryslân slein. By it Ljouwerter hof, slagget it mr. S. Katz dan Agema frijsprutsen to krijen nei in bihanneling fan de saek, dêr't nou just gjin gunstich byld fan | |
[pagina 128]
| |
de hear yn syn hege libbenssteat út nei foaren komt. Yn dizze aksje hat ek Waling Dykstra him noch tige ward, ear't syn stimme yn it ‘Friesch Volksblad’ útklonken wie. En hwat Piter Jelles oangiet, dy hat yn dizze rjochtsaek in paedwizer sjoen foar hwat him letter as jurist to dwaen stie. Ynearsten hat hy it lykwols noch socht yn de literatuer. Hy is fierwei de wichtichste fortsjinwurdiger fan dizze twadde fase fan de romantyk. Alhoewol hy yn Grins al gau mei kop en earen yn it studintelibben siet, foun er dochs tiid om to wurkjen oan de tarieding fan it ‘Nij Frysk Lieteboek’, ek al wer bûten it Selskip om. De tekst fan somlike fan syn eigen lieten kaem al foar de útjefte yn it ‘Friesch Volksblad’ to stean. De opset fan Piter Jelles en syn foarnaemste meiwurker T.E. Halbertsma, wie ek yn de sang in nijer en frisser elemint to bringen. Dizze Halbertsma, ûnderwizer en ien út it forneamde Grouster Iaech, hie nammers ek al meiwurke oan ‘It Jonge Fryslân’. Mar tusken de bidriuwen bigoun ek Piter Jelles' stridersnatûr him to ûntjaen. Hy rekkene himsels amper mear ta de liberalen en waerd yn elts gefal in oertsjûge foarstanner fan it algemien kiesrjocht. Syn forhâlding foar Stellingwerf oer wie net mear sûnder wryt of slyt. Trui Jentink, Stellingwerf syn frou (sûnt 1882), hie it net op him; en ek Stellingwerf sels, hwaens grinzen sa dúdlik yn Fryslân leine, fielde him langer net sa noflik by dizze ambisieuze jongkeardel mei syn skerpe geast en syn net altyd oannimlik wêzen. Dochs rounen har opfettingen ynearsten moai gelyk op. It earste doel moast it algemien kiesrjocht wêze. Yn it ‘Friesch Volksblad’ waerd der steesoan fûler foar pleite. En stadichoan bigoun him al it byld fan de Folkspartij ôf to tekenjen: dizze nuveraerdige Fryske losse forbining fan minsken lofts fan 'e midden. De namme wie der al moai lang foar de partij sels, dy't nammers nea in echte partij west hat. Stellingwerf mei syn krante en syn iepen hûs yn Ljouwert wie der sahwat de sintrale figuer fan; de Folkspartij wie in jiermannich syn greatste triomf en waerd letter syn greatste mislearring. Fan Stellingwerf rounen forbiningen nei liberale radikalen, mar ek nei de sosialisten en, hwat folle nijsgjirriger is, ek nei de Fryske foarmannen fan ‘Patrimonium’. In tsjerklik man wie Stellingwerf net, mar syn frou wie in domenysdochter en hysels wie aerdich hinne oer de goedkeape hún fan de folksskriuwers foar de ôfskiedenen oer. Fan in Marxist, dy't godstsjinst seach as opium foar it folk, hie hy neat. Yn it Evangeelje ûntdiek hy binammen de sosiale strekking. It blêd ‘De Banier’ fan de Hoedemaker-rjochting lies hy mei de kristlik-grifformearde ds. Jan van Andel. In wichtich jier wie 1885 mei (op 20 septimber) de greate kiesrjochtmeeting to Ljouwert. Under it advertinsje yn it ‘Friesch Volksblad’ stiene fjouwer nammen: dy fan O. Rommerts en J. Colerus foar de | |
[pagina 129]
| |
Sulveren presintearblêd, oanbean oan mr. S. Katz doe't er de greate lâneigener Bieruma
Oosting syn koetsier Agema frij pleite hie. De yn it blêd gravearre fersen binne fan Oebele
Stellingwerf (rj.) en Waling Dykstra (l.). **
‘Provinciale Friesche Werkliedenvereeniging’ en Vitus Bruinsma en O. Stellingwerf foar de ôfdieling Ljouwert fan de ‘Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht’. Twa dielen fan de Folkspartij opponearren har hjirre; in oar part, dat letter it meast bitsjuttende wurde soe, wie der noch net by, ntl. de Fryske ôfdielingen fan it Sosiael-Demokratysk Boun. En noch in oar opskuor jaend ding wie der yn 1885: de forskining fan Piter Jelles syn brosjuere, yn it Frysk, tsjin domeny Lútzen Wagenaar to Heech. De titel wie: ‘Fy, Lútsen!’ Piter Jelles wie doe 25 jier, studint to Grins en noch gjin sosialist. Yn syn tinkskriftenGa naar eind53. skriuwt hy dat er him yn dizze snuorje opjown hat as lid fan de Folkspartij, hwat net oars bitsjutte kin as dat hy him oansletten hat by it Boun foar Algemien Kies- en Stimrjocht. De brosjuere hold twadderlei krityk yn: op hwat Piter Jelles seach as Lútsen syn ôfskie fan it Frysk sûnt er as dolearend foarman alhiel yn 'e macht fan de ‘tale Kanaäns’ rekke wie; en op syn oandiel oan in forkiezingsmanifest, dêr't de anti-revolusionaire partij yn it distrikt Snits, dy't sels mei in baron Schimmelpenninck útkaem, de liberale kandidaat Heldt, foarsitter fan it ‘Algemeen Nederlandsch Werkliedenverbond’, yn ôfskildere as in gefaerlike revolusionair. Piter Jelles koe Wagenaar al moai lang troch har | |
[pagina 130]
| |
Fij Lútsen! en Hark ris, Pieter!, dokuminten fan de pinnestriid tusken Piter Jelles en Lútzen
Wagenaar yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu. De brosjueres binne in soad lêzen en de
titels waerden slachwurden by alderhanne gelegenheden. Wagenaar syn skrift stiet oan it bigjin
fan in trochbraek fan it Frysk yn it rjochtsinnich formidden. *
mienskiplike freon Jacob Hepkema; Wagenaar wie in net ûnfortsjinstlik en moai frijmoedich dichter en hie ûnder it pseudonym Lu-tsen ek meiwurke oan ‘It Jonge Fryslân’. Mei in stikmannich oare Utrechtske studinten hied er him yndertiid oansletten by it Selskip; hy hie sels noch in skoft arbeidzjend lid west. Stadichoan lykwols wied er in oertsjûge Kuyperiaen wurden, en it Selskip hied er de rêch takeard. It koe doe net oars of hy wie hwat fan it Frysk ôfrekke, mar dochs net safolle dat er Piter Jelles net mear fiks yn 't Frysk antwurdzje koe. Syn ‘Hark ris, Pieter!’ wie in goed en tige lêsber stik en as forwar hjir en dêr al sa sterk as Piter Jelles syn oanfal. Yn elts gefal bliek der hwat út fan de ûnderskatting troch de liberale rjochting fan de krêft fan de arguminten fan de tsjinpartij. Jacob Hepkema hat sahwat de arbiter en de oersljochter spile mei syn ‘Hâldt op, jonges!’ en Piter Jelles achte it noch wol nedich mei in ‘Nei de Stoarm’ op in oannimlike en ek wol tûke wize it trelit to sluten. De politike bitsjutting fan dizze pinnestriid kin hjir ûnbisprutsen bliuwe. Foar de Fryske biweging hat er tige heilsum west troch it kleare lûd dat hjir feitlik foar it earst yn de Fryske tael klonk út in útsprutsen rjochtsinnich formidden. De skûlnamme Lu-tsen bidiek nou neat mear, en it eigen folk, dêr't ‘Hark ris, Pieter!’ ek foargoed foar ornearre wie, koe | |
[pagina 131]
| |
Johan Winkler, ien fan de net folle rjochtsinnige figueren dy't al moai ier yn de Fryske biweging foaroan stien hawwe. As Frysk taelkundige hat hy noch bitrutsen west yn de saek fan it Oera Linda Boek. Hy is de gearstaller fan it nammekundige diel fan it Friesch Woordenboek, Fryslâns earste wurdboek. By wenne letter yn Haerlim dêr't er mentor west hat fan de sersjant-majoar Jan Jelles Hof. **
der min foarwei en lês ek Piter Jelles syn oanfal. Sa hat ds. Wagenaar, fêsthâldend oan syn eigen miening, dochs in iepening stjitten yn de ôffreding dy't rjochtsinnich Fryslân lange jierren om himsels hinne holden hie om it ‘liberalisme’, dêr't winliken de hiele Fryske biweging ûnder biflapt waerd, tsjin to kearen. Fan Lútzen bigjint in stikje fiktoarje; der is net folle Frysk mear út syn hannen kommen, mar letter hawwe ds. Sipke Huismans en syn meistanners yn harren swiere striid tankber op syn wurk en foarbyld fuortboud. Foar de folsleinens moat hjir oan tafoege wurde dat de orthodoksy net alhiel ûntbrutsen hat yn de Fryske biweging fan de njoggentjinde ieu. Twa mannen moatte neamd wurde: Johan Winkler, frisiast pur sang, dy't neffens TroelstraGa naar eind54. de keninginne ris yn it Frysk tasprutsen hat en Jan van Wageningen thoe Dekema, dy't yn âldfrysk kostúm plichte om to stappen. Winkler hat sawol yn it Genoatskip as yn it Selskip, dêr't er bistjûrslid fan west hat, syn plak fiks skjinmakke, ear't er nei Haerlim forfear, dêr't er letter foaroan yn in Fryske krite siet. Syn wurk oer Fryske nammekunde | |
[pagina 132]
| |
is oant hjoed de dei fan bitsjutting. Jan van Wageningen wie let-romantikus lyk as Piter Jelles, dy't lykwols sei dat hja mei de rêgen tsjin mekoarren oan stiene: de iene sjende nei it forline en de oare nei de takomstGa naar eind55.. Folgeling fan Kuyper, hat er dochs skreaun yn Piter Jelles syn tydskrift ‘For Hûs en Hiem’; hy hâldt in biskieden plak yn de ûntjowing dy't ek de rjochtsinnichheit lang om let yn de Fryske biweging brocht hat. It is al sein: yn de roerigens fan de krisisjierren is wol de Fryske biweging werom to finen, mar net it Selskip. Yn 1884 forstoar Gerben Colmjon. Yn it ‘Friesch Volksblad’ hat Stellingwerf him yn wurdearjende wurden bitocht. Hja wiene bisibbe geasten yn ienfâld, kundichheden en warberens; en faeks ek yn biheindens. Yn it Selskipsarchyf binne noch folle biwizen to finen fan de muoite dy't Colmjon dien hat foar it lizzen en bihâlden fan goede forbiningen mei de Noardfriezen. Hy koe dêrby nammers yn de fuotleasten stappe fan Tiede Dykstra en Harmen Sytstra dy't al bigoun wiene mei dizze ‘stambruorren’ boeken, folks- en skiedkundige teksten en taelbisûnderheden út to wikseljen. Colmjon is dêrmei trochgien, mar hat ek dien hwat hy koe om de minsken dêr't hy mei briefke, oan to trúnjen ta organisaesje. Dêr is yndie wol hwat fan op 'e hispel kommen en yn elts gefal binne der tekens dat de Noardfryske literatuer en filology in stimulâns hawn hat troch de bilangstelling en stipe fan Westerlauwerske kant. Der is fan wjerskanten ek folle oan oersetten dien. Wûnderlik lykwols is dat it kontakt allinne skriftlik west hat en dat de hiele njoggentjinde ieu nea in lid of delegaesje fan it Selskip ris op bisiik west hat by de Noardfriezen. Dat biwiist dat de forbiningen yntellektueel en emosioneel west hawwe en tagelyk tige frijbliuwend. Mear as ien kear hat it Selskipsbistjûr freegje moatten hwer't de Noardfryske eareleden wennen en oft hja noch bistiene. It is de earste fyftich jier in haedstik dat op papier mear seit as wiermakke is troch dúdlike feiten. Opfolger fan Colmjon waerd Onno Sytstra, maet fan Piter Jelles by de gearstalling en útjefte fan ‘It Jonge Fryslân’, mar dêrnei stadich fan him weidreaun om't Troelstra it mear bûten as yn it Selskip socht. It ‘Nij Frysk Lieteboek’ fan Piter Jelles en T.E. Halbertsma kaem út yn 1886. Der wie hjir en dêr in nije toan yn to fornimmen fan romantyske fûleinigens, en der stiene net allinne lieten mar ek meldijen yn fan Piter Jelles sels. It wie ek it jier dêr't it hichtepunt yn foel fan de striidskriuwerij tusken Piter en Lútzen. Piter Jelles soe pas yn 1887 ôfstudearje, mar as dichter en radikael pamflettist hied er al in namme krigen as amper in Frysk foaroanman earder yn de ieu. Hwa't him folge yn syn ûntjowing koe lykwols al hast ealgje dat Fryslân ienkear to lyts wurde soe foar sa'n striidrée en ambisieuze natûr. |
|