Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 106]
| |
Fryske selsfoldienensWinterjounenocht en toaniel: it folk komt by de minsken - Dr. J.G. Ottema en it Oera Linda Boek - De greate totoanstelling as hichtepunt fan de ieu - Opkommende krisis.Mei it winterjounenocht binne Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts bigoun yn 'e hjerst fan 1860. Datum en plak steane fêst: it wie 25 oktober op it Hearrenfean. Notaris Binnerts wie sahwat de gasthear. It waerd in great sukses. En doe kaem al gau de iene oanfrage nei de oareGa naar eind35.. Tsjibbe Gearts hat letter yn de ‘Friesche Volksalmanak’Ga naar eind36. it doel net ûnaerdich biskreaun, ntl. ‘troch Fryske foardrachten de Fryske tael to stypjen, troch stikken foar to dragen dy't op in grappige wize fiele en sjen lieten, det it yn hûs en maetskippije folle better gean koe as it giet, as in minske sels mar better wie as er is’. En ‘de drjuwfear wie deselde as dy in domeny oan it preekjen bringt. Mei praten jild fortsjinje’. De domeny-imitaesje gyng wol fierder, lyk as einliken út dizze sitaten wol blykt. Waling Dykstra seit dan al dat it nea de bidoeling west hat, ûnder de domeny's har douwen to sjitten, mar dat is fansels hiel hwat oars as de domeny's net op 'e side to stribjen. De morael is yn de winterjounenocht-stikken in fêst en nei alle gedachten ek wol ûnmisber yngrediënt. Hwant de sprekkers achten harsels to goed en harren reputaesje to wichtich om potsemakkers neamd to wurden. Ek efter it gebrûk fan it Frysk siet in stik learing. It wie in nije tiid; de rede waerd achte einlings de oerhân krige to hawwen nei in rige tsjustere ieuwen en de winterjounenocht-sprekkers woene net ûnder de mjitte bliuwe. It jild bleau wol ‘drjuwfear’, mar it moast earlik fortsjinne wurde. It twamanskip Waling Dykstra-Tsjibbe Gearts hat it mar in jier of hwat útholden. Yn 1862 barde Tsjibbe Gearts it lok kantoarhâlder fan de post to wurden yn Burgum; in ryksbaen dy't yn dy tiid sahwat gou as it alderbigearlikste. De maet fan Waling Dykstra waerd doe Colmjon; dat wie sahwat de solidens yn persoan, mar mei de pinne wied er minder fruchtber as syn foargonger, en hy wie mar amper sterk genôch foar de biswierlike reizen winterdeis. Dochs hat hy it moedich fiif seizoenen efter mekoarren útholden op 'e jildlike kondysje fan op 'e acht goune trije foar him en fiif foar Waling Dykstra. It wie doe sahwat it heechtij fan it winterjounenocht, al wie der konkurrinsje (fan de Grousters Jentsje Sytema en Auke Boonemmer) en al bigoun ek it doarpstoaniel op to kommen. Doe't Gerben Colmjon yn 1868 provinsiael archivaris-bibliothekaris | |
[pagina 107]
| |
Programma fan it Fryske winterjounenocht yn 1862 to Ljouwert. Formeits, mar dochs binammen ‘sedekunde’, al seine Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts der hiel dúdlik by dat hja nimmen to nei komme woene. *
waerd, as opfolger fan dr. Eelco Verwijs (sj. s. 115), moast Waling Dykstra wer in oare maet sykje. It waerd Auke Boonemmer, dy't al earder út it twamanskip mei Jentsje Sytema stapt wie om't it net genôch oplevere; hja wurken winlik in bytsje ûnder de merk. Mei Waling Dykstra levere it him mear op: út syn autobiografyske notysjesGa naar eind37.) moat men hast opmeitsje dat hy der (mar net foar lang) in hûs oan oerholden hat, al duorre foar him it feest mar seis jier. Syn stimme waerd ûndúdlik en yn 1875 skreau Waling Dykstra him ôf. Lêstneamde hat it allinne noch útholden oant yn 'e njoggentiger jierren; it hie al dy tiid einliken de iennichste fêstichheit west dy't er hie. Jentsje Sytema, dy't mei syn soan Jehannes it winternochtbidriuw oant 1869 fuortsetten hie, wie doe al wei: in man dy't de aksinten skerper lei as Waling Dykstra en al hast in sosialistysk lûd hearre liet. | |
[pagina 108]
| |
It doarpstoaniel hie ûndertusken in greate flecht nommen en de gongmakkers wiene ek Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts. Fan harren binne de earste stikken: 1859 ‘Màl ût màl thûs’ fan Tsjibbe Gearts en 1860 ‘Sokke mar mear’ en ‘In Utfenhûser by de bakker’ fan Waling Dykstra. Poortinga biskriuwt yn syn dissertaesjeGa naar eind38. hoe hurd dit folkstoaniel him ûntjown hat. De opkomst fan it toaniel is in nijsgjirrich forskynsel, en Waling Dykstra is fan bitinken dat it fierhinne út it winterjounenocht fuortkommen is. It bigjin wie neffens him op mannich plak it lêsselskip mei syn slotjoun, dêr't master en domeny hwat foardroegen. Op sokke jounen gyngen der dan stimmen op dy't pleiten foar in winterjounenocht oare jiers. Dat gyng faek troch en loek dan gâns minsken oan; wolris mear as de kastlein bergje koe. Binammen de petearen fan de sprekkers prikelen de fantasy. Sa waerden de geasten ré foar in toanielselskip of resitearkolleezje (hwat wol op itselde delkaem); sa aventûre ek mannich kastlein it bouwen of forbouwen fan in seal. Waling Dykstra: ‘Sa kinne de minsken yn sa'n doarpke yn koarte jierren alheel op 'e hichte fan 'e tiid komme’. Hy neamt toanielselskippen de ‘hearlikste fruchten fen 't winterjounenocht’. En fierder: ‘ ... it (scil) for wier oannomd wirde kinne, det wy der ta meiwirke ha om 't folk, alteas yn sommige streken, der oan to wennen det it smaek krige yn better en fetsoenliker menear fen nocht siikjen en plesier meitsjen as hwer't it lang oan wend west hat’Ga naar eind39.. De opkomst fan it amateurtoaniel is fansels gjin typysk Frysk forskynsel; it is in moai algemien en tige nijsgjirrich stik folksûntjowing yn 19e-ieuske geast. Op folle plakken stie oan it bigjin dêrfan it Nut, dat al lang warber west hie yn it bringen fan learsum formeits bûten de tsjerklike sfear. Mar Waling Dykstra sil wol gelyk hawwe dat yn Fryslân it winterjounenocht in oanfjurjende útwurking hawn hat; it Nut siet lang net oeral. Yn elts gefal hat it amateurtoaniel yn Fryslân in flecht nommen oant fier bûten de âlde Nutsrounten. Yn de kar fan stikken is it mear en mear forfryske. Der bistie fansels in wikselwurking tusken toanielspylderij en toanielskriuwerij; mar it stie perfoarst net yn 'e stjerren dat it toaniel yn Fryslân, dêr't de minsken noch mar krekt wer har tael hwat lêzen en skriuwen learden (en dan net iens op 'e skoalle) in repertoire yn it Frysk ta syn foldwaen hawwe soe en dêr winlik wol mei ta koe. Toanieltradysjes wiene der rom yn Ljouwert en, hwat minder, yn stêdden as Harns en Snits, mar Frysk hie dêr nea op 'e planken west. It moat wol it brek oan dizze tradysjes op it boerelân west hawwe dat de geasten dêr sa iepen makke foar it Fryske toanielstik. Hjir blykt de ynfloed fan de Fryske biweging, dy't libbensfoarm en -noarm folle mear | |
[pagina 109]
| |
Typysk programma fan in pleatslike feestjoun út it lêst fan de foarige ieu: de Vriendenkring fan Jelsum spilet De skearbaesdokter fan Waling Dykstra en in Hollânsk neistikje, mei efternei dounsjen. Der stiet fansels: na afloop bal. *
| |
[pagina 110]
| |
socht op 'e doarpen as yn 'e stêdden en fan it bigjin ôf de boer op woe. Sa is yn 'e stêdden it Frysk toaniel, dat binammen de Selskipskriten brochten, einliken fan bûten ôf ynfierd, hwat ek dúdlik blykt út de stoffe en de figueren dy't hast sûnder ûnderskie op it lân situearre wurde kinne. Op it gebiet fan de tael stiene de stêdden fierhinne frjemd of alteast ôfwizend foar it plattelân oer. Sa is it ek to bigripen dat dêr it toaniel ûnderfoun waerd as hwat nijs en bjusterbaerliks: dat it bistie, en Sytse en Klaske der yn meidwaen koene. Nou skoepen fansels minsken as Tsjibbe Gearts en Waling Dykstra (hy is yn it bigjin fierwei de greatste toaniel-produsint) net út it neat. J.W. Dykstra, Waling syn soan, hat forteldGa naar eind40. hoe't syn heit en Tsjibbe Gearts de merken ôfrounen om stikken to sjen, en yn boekekreammen en op auksjes sneupten nei stikken fan alderlei soarte. Poortinga hat gjin muoite om yn it toanielwurk fan de twa skriuwers de foarbylden oan to wizen. Waling Dykstra wie nammers earlik genôch om fan syn frije biwurkingen nei Molière (út oersettingen, hwant hy koe gjin Frânsk) as ‘Oebele Glûper’ en ‘De Jildstumper’ de boarne to neamen. Der kaem stadichoan ek toanielwurk los fan in hiel rychje oare auteurs: Klaes Aartsma, Auke Boonemmer, H. van der Zee, R. Kiemstra en noch wol mear. De strekking wie meast deselde as fan de foardrachten fan it winterjounenocht: hwat wille en hwat ‘sedekunde’, om dat moaije wurd fan Tsjibbe Gearts mar to brûken. Sielkundich wie it measte wurk tige swak. En foarsafier't Tsjibbe Gearts syn stikken op dit punt der wolris gunstich útkipten, waerd dat wer toneate dien troch syn fûleinich grou op it ‘bygelove’, dêr't er alles ûnder biflapte hwat hy yn striid achte mei de rede; of alteast mei syn rede. Undwaenlik is it in oersjoch to jaen fan it tal toanielforieningen dat nei alle gedachten yn de tachtiger jierren in hichtepunt birikte. Der wiene guon by dy't it moai fier brochten; Poortinga neamt dy fan Menaem, Wergea, Stiens en GrouGa naar eind41.. De Grousters hiene de eare, yn 1883 op de jiergearkomste fan it ‘Nederlandsch Tooneelverbond’ to Ljouwert ‘Oebele Glûper’ opfiere to meijenGa naar eind42.. It foldie omraek. Fan de Grouster foriening, dy't Thalia hjitte en jn 1863 oprjochte wie, witte wy hwat mear meidat C. Wielsma der oer skreaun hatGa naar eind43.. Dêr blykte hwat út oer de swierrichheden mei rekwisiten en toanieloanklaeijing, binammen yn it bigjin. De greatere klubs rekken dêr neigeraden wol mei op 'e hichte en krigen nei forrin fan tiid ek wol in steal bitûfte spilers ta har foldwaen. Op in soad lytsere plakken lykwols is it nea alhiel slagge út de primitive fase fan it toanieltiidrek wei to kommen, ek troch brek oan gaedlike toanielromte. Mar faeks hat de wille der net minder great om west. | |
[pagina 111]
| |
Frysk wie dit toaniel troch de tael en troch de sitewaesjes dy't it útbylde, al wiene de Hollânske stikken net hielendal hosk. Dochs fortsjinwurdige it troch syn liberael-rasionalistyske geast ek somlike moai algemiene 19e-ieuske opfettingen. Dat makket it bigryplik hwerom't, lyk as Poortinga fêststelt, de rederikerij yn de rjochtsinnige dielen fan de provinsje - it noardeasten en it súdwesten - nea net folle to bitsjutten hawn hat. Dêr hearske in libbensstyl dêr't sawol dizze sprekkerij en spylderij as it liberalisme net yn pasten. Der moasten noch hiel hwat jierren foarby gean ear't rjochtsinnich Fryslân him yn syn eigen geast en mei syn eigen ynbring yn de Fryske biweging foege. Mar al hawwe winterjounenocht en folkstoaniel yn har earste fase net hiele Fryslân bislein en al hawwe faeks de sprekkers en skriuwers har hwat iensidich en literair net heechrikkend wurk faeks hwat oerskat, der bliuwt dochs fan oer dat yn in krityk tiidrek mei folle stribjen nei mear ienheit, Fryslân yn steat west hat mei syn eigen tael en op syn eigen wize in oanpart to hawwen yn de kulturele ûntjowing. It tanket dat oan de folksskriuwers, dy't op har bar fuortkommen wiene út de opwekkingsbiweging fan de romantyk mei as bliuwende frucht it Selskip as formidden fan tael- en folksbisef. Nammers wie de folksskriuwerij hiel hwat mear as it toaniel allinne. In hiele rige fan skriuwers leveren har bydragen oan de tiidwurkjes. De ‘Frîske Hûsfrieun’ hold yn 1869 op to bistean, mar ‘Iduna’ gyng troch, al waerd de namme yn 1871 foroare yn it hwat dierbere ‘Forjit my net’. Dat lêste wie in bytsje symboalysk foar de hiele geast. De noardske mythology wie ien fan de rydhynders fan de romantyk yn de Germaenske lannen; en dat Harmen Sytstra de namme fan de goadin fan de ivige jeugd keas foar syn tydskrift wie net samar in opstiging; it wie in program. De nije liberale generaesje, dy't it sa fier en sa djip net mear socht, achte de namme foar de lêzers net gaedlik. De namme ‘Forjit my net’ hat it oant 1915 útholden. De jierboekjes ‘Swanneblommen’ (fan it Selskip) en ‘De Bijekoer’ (ûnder redaksje fan Waling Dykstra) bleauwen yn wêzen, en sa út en troch forskynden der sammelbondels fan ien of mear skriuwers, binammen fan stikken fan it winterjounenocht. En foar it earst kamen de folsleine ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma's út, yn in troch Colmjon forsoarge útjefte. It wie folkslektuer, dy't moai heech útrikte boppe de trochsneed fan de folksskriuwerij, mar wol troch de ynfloed fan de folksskriuwers folle mear tagonklik wurden is. Der moat yn de 19e ieu in soad lêzen wêze yn it Frysk. Yn de hiele ûntjowing sit in wûnderlik elemint fan selsfoldiene isolaesje. It wie gjin ôfskerming tsjin de idéen fan bûten, hwant dy hiene hjir maklik tagong. De iere fase fan it ynternasionael forskynsel, dat de romantyk wie, is yn | |
[pagina 112]
| |
Fryslân fûleiniger bilibbe as yn Hollân, en it liberalisme hat him hjir net letter opponearre. Mar maetskiplike streamingen krigen hjir faek wol in eigen foarm en lûd. By al it nije bleau de hwat rojaler libbensstyl fan de Hollanners, de minsken yn dit sobere lânsdiel ryklik frjemd. Fierwei de measte Friezen hiene genôch oan harsels. Hwat de romantyk oer harren forkundige hie, hie it selsfielen fiks yn 'e hichte brocht. Navenant wie de ‘útman’, dêr't Harmen Sytstra en Tiede Dykstra har skerpste pylken op ôffjurre hiene, in minder satanyske forskining wurden. Wol bleau ek de folksskriuwerij fol warskôgingen tsjin de útwrydskens dy't de oerlevere geve en soune Fryske seden bidrige. Sokke offensiven pasten einliken mar min yn de liberael-rasionalistyske styl, mar de selsfoldienens spriek der mear út as de bangens, mei ham en gram forswolge to wurden, lyk as dy by de fjirtigers noch sa tige libbe. It is gjin wûnder dat sadwaende de opfetting ûntstean koe dat Fryslân mear nei bûten to forkundigjen as fan bûten op to stekken hie. Dy geast waerd forsterke troch hwat sa njonkelytsen oer âld Fryslân oan it ljocht kaem; net allinne troch hwat de terpen oan materiael opleveren, mar ek troch de fynsten fan ier-midsieuske munten, dêr't numismaten as mr. J. Dirks en C.H.F.A. Corbelijn Battaerd har oanwizingen út hellen foar de wichtige Fryske séhannel yn in tiidrek doe't de namme Hollân noch net ienris bistie. J.H. Halbertsma syn Fryske propaganda like hwat langer hwat mear eigenskip to krijen: mei har âlder skiednis en âlder kultuer hiene de Friezen dochs yndied hwat mear as sljochtwei yn har marse en hwat to sizzen oan de oaren. It wie nammers de tiid dat de ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma-bruorren yn hûnderten huzen de meast populaire lektuer waerden. De romantyk as geastesstreaming mei har dreamen en wémoed wie wol fierhinne bilune, mar der wie alle romte foar in soarte fan tapaste romantyk; romantyk yn in liberael klaed dy't boud wie net op 'e mythe mar op feiten. | |
[pagina 113]
| |
Bledside (yn facsimile) fan it Oera Linda Boek. It is dy, dêr't in forklearring yn jown wurdt fan de lettertekens dy't ôflaet hjitte to wêzen út it joelrêd. It skrift is foar hwat Fryskkundigen wol lêsber: de tael (wartael, neffens J. Beckering Vinckers) is in nuver kuozzemoes. Hjir folget in oersetting fan dr. J.G. Ottema yn it Hollânsk, mei tusken heakjes in oanrin fan de eardere side. (Maar zij wisten niet goed, dat het van Juul gemaakt was, en dat het daarom geschreven) moest worden met de zon om. Bovendien wilden zij dat hun schrift voor andere volken onleesbaar zoude wezen, omdat zij altijd geheimnissen hebben. Zoodoende zijn zij zeer van de wijs geraakt, dermate, dat de kinderen de schriften hunner ouderen bezwaarlijk kunnen lezen; terwijl wij onze alleroudste schriften even gemakkelijk kunnen lezen als die, die gisteren geschreven zijn. Hieronder is het staand schrift, daaronder het loopend schrift, vervolgens de getalteekens op beide wijzen. ***
| |
[pagina 114]
| |
It waerd bûten Fryslân wol fornommen, en dêr founen skeptyske geasten de namme fan frisiomany foar út. It is in nou hast forgetten wurd dat ek de ‘Encyclopedy van Friesland’ net mear neamt. Mar it is doedestiids faek brûkt yn forbân mei it Oera Linda Boek, dit nuveraerdige dokumint dat de Friezen sahwat makke ta haedfolk fan de wrâldhistoarje. It is ien fan de nijsgjirrichste mystifikaesjes fan de foarrige ieu. Geastige persiflaezje of wûnder-ynspirearre wurk fan in bilêzen frisiomaen, de gelearden binne it der hjoed de dei noch net oer iens. Iensens is der wol oer de ûnechtens fan it dokumint. It hânskrift kaem fan Cornelis over de Linden, haedskipmakker op 'e marinewerf to Den Helder. Kopyen fan in pear bôgen rekken nei hwat omswervingen yn hannen fan dr. Eelco Verwijs, archivaris-bibliothekaris fan Fryslân, dy't doe al net fier mear ôf wie fan syn bineaming ta lid fan de redaksje fan it Nederlânske wurdboek to Leijen. Verwijs brocht de bôgen yn it Frysk Genoatskip en dat frege yn 1870 Johan Winkler, dokter en taelkundige to Ljouwert, om der oer to rapporteaijen. Neffens syn eigen forhael, pas nei syn dea publisearreGa naar eind44., hat dy Gerben Colmjon en Jacobus van Loon yn it ûndersiik bihelle, en dy harren bitinken wie itselde as sines, ntl. dat de papieren ‘onecht, vals’ wiene. Hy hat dan ek in ûngunstich rapport útbrocht oan it Genoatskip. It wie, neffens syn forhael, yn de gearkomste dêr't dit barde dat dr. J.G. Ottema him frege oft er de bôgen even meinimme mocht nei hûs. Hy woe se dêr graech ris bisjen. Winkler, dy't nou just gjin gunstich byld jowt fan Ottema (vroeg-oud, zwakkelijk, zenuwachtig) fortelt dan fierder dat dizze op in sneintomoarn nei it útgean fan de Greate Tsjerke hwat ûnwis efter him oan fotteljen kaem, him op 't skouder tikke en sei: ‘Och, och wat hebt gij u vergist. Geen volk ter wereld, of het moest zijn het Joodsche volk met zijnen bijbel, heeft zulk een oud geschrift als nu ons Friesche volk, als juist nu wij Friezen’. It kin wêze dat Winkler it in bytsje opsiert, mar it makket yn elts gefal dúdlik hoe't Ottema fan it bigjin ôf mei ham en gram op 'e tosken nommen is. Hy hat it folsleine hânskrift opfrege by Cornelis over de Linden, in eigen rapport oan it Genoatskip stjûrd dêr't er de echtens fan it dokumint yn bitsjûge en, doe't it Genoatskip it net útjaen woe, dat dien op eigen manneboet en op eigen kosten. It Oera Linda Boek, dat tagelyk famyljekronyk fan it Oera Lindaskaei as histoarysk dokumint wêze wol, jowt de Friezen in sintrael plak yn de wrâldskiednis. De tiidrekken dy't der yn foarkomt, bigjint mei it forsinken yn sé fan Atlantis (dat âldlân bitsjutte soe); in barren dat moai krekt steld wurde kin op 2193 foar de kristlike jiertelling en dat de Fryske stamme yn de forstruijing brocht hawwe soe. Yn dy forstruijing moatte de Friezen sa | |
[pagina 115]
| |
likernôch op alle wichtige foarfallen har stempel set hawwe. De út de apokrife skiedskriuwing bikende Friso is neffens it forhael op 't lêst mei syn folk út Ynje werom kommen op 'e float fan Nearchus, Alexander syn admirael, dy't de forneamde séreis nei de Indus-delta makke en biskreaun hat. Letter komt dan de hiele ploech Friezen út ‘Kreekenlân’ yn Starum oan lân, roppend dat se har seden biwarje wolle. Yn 't earstoan waerd it bjusterbaerlik dokumint it boek fan Adela neamd omdat dy it bigjin skreaun hawwe soe. Hja wie de frou fan Apol, ‘grevetman’ oer de ‘Lindavorda’. Letter hiene doe har soan Adelbrost en har dochter Apollonia de kronyk fuortset; en de einredaksje út 1296 soe dan op namme stean fan Hidda Oera Linda. It hiele forhael sit fol mâlle mar net ûnaerdige etymologyen. In moaije fynst wie bgl. dy fan de tiid (chronos) as ‘kroder’, hwat fansels kroader bitsjutte: hy gyng ivich mei tsjil, jol of joel yn it roun. De godstsjinst fan de âlde Friezen wie neffens it boek in soarte monotheïsme, oergetten mei frijmitselderssop. Skreaun is it boek yn nuvere, mar maklik to ûntsiferjen lettertekens; en de tael is in soarte nij makke âldfrysk. Ottema wie der alhiel optein oer: sa folle dúdliker as foar de Grykske foartiid wie de kronology yn dit boek en sa klear wie út in forlikening fan de lettertekens op to meitsjen dat de Friezen de hean hawn hiene yn it Grykske alfabet. Yn syn rapport oan it Frysk Genoatskip neamde hy it Oera Linda Boek ‘het oudste voortbrengsel, op Homerus en Hesiodes na, van de Europese letterkunde’. It kaem by dizze gelearde mar ek naïve man net op, dat al dy krektens en klearens dêr't er sa mei ynnommen wie, allinne mar mooglik wiene om't it hiele boek in produkt wie fan de 19e ieu, oanpast by hwat doe oan kennis en ek oan idéen yn omrin wie. Selskipssiktaris Colmjon hat it earst, binammen op taelkundige grounen mar dochs net allinne dêrop, de ûnechtens fan it Oera Linda Boek moai oertsjûgjend biwiisd. Der is al gewach fan makke dat Colmjon opfolger wurden wie fan dr. Eelco Verwijs as provinsiael archivaris-bibliothekaris, in hege eare foar in autodidakt. Der hat oer dizze bineaming nochal hwat opskuor west. Verwijs fielde him sa kronken, dat er Colmjon net helpe woe om der hwat yn to kommen; en it Ryk hold ynearsten syn bydrage yn it traktemint yn. Waling Dykstra, Colmjon syn maet yn it winterjounenocht, stjûrde in brief dêr't er syn oergunst krêftich en manlik yn bisocht op to kearen. Foar minsken as harren hie it dan ek hwat fan in mearkeGa naar eind45.. De bineaming wie fortsjinne, al hat der faeks hwat by yn sitten fan liberale freonepolityk. Dat Colmjon to meitsjen krige mei it Oera Linda Boek wie minder tafallich as dat Verwijs in jiermannich earder de earste bôgen (yn ôfskrift) op syn skriuwtafel foun hie: hy wie nou ienkear in | |
[pagina 116]
| |
earste Fryske taelkenner, hwaens rie Winkler ek al frege hie. Nou krige hy fan dr. Ottema it hiele hânskrift mei it forsiik, der in oersetting fan to meitsjen yn it nijfrysk. Oan dat forsiik hat Colmjon net foldien. Yn in lang brief hat hy Ottema útlein hwerom't it stik nei syn miening net echt wêze koe. Dat brief hat letter yn de Ljouwerter krante stien, doe't de strideraesje al loskommen wie; neitiid hat Colmjon Ottema ek noch bistriden yn in brosjuere en in gâns útwurke lêzing foar it Selskip (1874). Ottema hie yn it bigjin noch wol meistanners; yn it Genoatskip is dr. A. Tj. Reitsma tagelyk mei him yn 'e pleit gien foar de echtens. Mar de krityske stimmen wiene al daliks rounom krêftich, en de ‘Koninklijke Academie van Wetenschappen’ achte in ûndersiik net ienris nedich. Ottema syn útjefte mei in Nederlânske oersetting forskynde yn 1872, en twa jier letter is dêr noch in twadde printinge fan útkommen, mar doe wie it ynearsten ek ôfroun. Publikaesjes fan de taelgelearde Jan Beckering Vinckers yn 1876 en 1877Ga naar eind46. hawwe oan de diskusje op hwat wittenskiplik nivo oer de echtens wol in ein makke. Beckering Vinckers analisearret hwat hy de ‘wartaal’ fan it Oera Linda Boek neamt wiidweidiger as Colmjon. Hy gyng ek fierder as Colmjon, yn safier dat hy de dieder oanwiisde, ntl. Cornelis over de Linden sels. Dêr lykwols wie fan alles oer to sizzen en dat is sûnt foargoed bard. Winkler en nei him J.J. Hof hawwe ek de nammen F. Haverschmidt (Piet Paaltjens) en Verwijs neamd; dr. M. de Jong skoude Verwijs de hiele skuld yn 'e skuon, mar tige oertsjûgend is syn forhael net. Mr. P.C.J.A. Boeles hat yn it fuotspoar fan Beckering Vinckers altyd fêstholden oan it auteurskip fan Cornelis over de Linden allinne. Yn letter tiid is ek de namme dr. J.H. Halbertsma fallen. En de diskusje giet noch altyd troch. Dat yn de strideraesje oer it Oera Linda Boek in let-romantysk Genoatskipsman in koel wittenskiplik redenearjend Selskipsman foar him oer foun wie faeks tafal, mar dochs ek wer symboalysk. It Selskip wie út de wolken delkommen op fêste liberale groun en hie dêr in plak krige, wylst it Genoatskip nei gearstalling en geast noch altyd somlike merktekens droech fan de earste helte fan de njoggentjinde ieu. It is wier dat it Genoatskip syn âld-siktaris yn de Oera Linda Boek-kwestje net folge hat, mar neffens Boeles is it mear as oannimlik dat in sa wichtich man as Eekhoff oan 'e echtheit fan it hânskrift leaud hat en dêr allinne net foar útkommen is út bangens him to brânnen. Op himsels is dat wol in nijsgjirrich punt om't neffens Winkler it Haverschmidt en Verwijs der om to dwaen west hie ‘Wopke profeet’ in loech ôf to sjen, hwat harren net slagge wêze soe. Hoe great it tal minsken west hat dy't yn har hert ré wiene it Oera Linda Boek to sjen as de Friezenbibel, dy't neffens Wumkes | |
[pagina 117]
| |
Gong yn hwat doedestiids it keninklik paleis hjitte oan it Gouverneursplein to Ljouwert, mei útsicht op in stikje fan de greate Fryske totoanstelling yn 1877. Binammen it út de terpen weikommen materiael hie in diminsje mear jown oan de skiednis fan Fryslân. Der kamen sa'n tritichtûzen minsken rounom wei op dizze totoanstelling ôf en somlike greate blêdden hawwe letter har rige fan biskriuwingen as foege boekjes útjown. De ekonomyske tastân wie (noch) goed; folksskriuwerij, toaniel en winterjounenocht stiene op in hichlepunt. It wie Fryslâns ‘finest hour’ yn de njoggentjinde ieu. **
| |
[pagina 118]
| |
C. over de Linden skeppe wold hat, is min to sizzen; mar wol hat dit nuvere dokumint sines tadien oan de doetiidske oerskatting fan Fryslân. Hichtepunt fan Fryske gloarje yn dat tiidrek fan ekonomyske heechkonjunktuer mei noch gjin arbeidersûnrêst hat west de greate totoanstelling yn septimber 1877. De manifestaesje gyng út fan it Frysk Genoatskip yn forbân mei syn fyftichjierrich bistean, mar de oerheit wie der ek fiks mei anneks. De provinsje en de stêd Ljouwert brochten yn hwat hja hiene; en kening Willem III stelde it paleis oan it Hofplein foar de totoanstelling biskikber. Der wie in breed earekomité, dêr't ek Van Loon en Colmjon sit yn hiene. It Selskip hat sa goed mooglik meiwurke. Yn it paleis wie in rike samling gearbrocht fan terpfynsten, fan âlde munten en oar skiedkundich materiael, fan hânskriften, fan âldere en nijere drachten, fan printen en lânkaerten, fan skilderijen, fan sulverwurk en folle net genôch. De bilangstelling wie foar dy tiid enoarm en mear as ien krante bûten Fryslân hat oan de útstalling reportaezjes yn feuilletonfoarm wijd. Op 26 septimber 1877 hold yn in Genoatskipsgearkomste mr. J. Dirks in greate rede oer dizze manifestaesje dy't hy ‘eene kroon, waardig het gouden feest’ neamde; it wie in brede ynventarisaesje mei hwat taljochtingen en ek in nijsgjirrige opmerking oer de forhâlding fan it Genoatskip foar it Selskip oer. Earst krige ‘onze wakkere medehelper, de heer Colmjon’, al inkelde priizgjende wurden: by de skriuwer Kempius hie dy in forwizing foun nei trije Fryske ôfgodsbyldtsjes, dêr't yndied twa fan yn in Haechsk museum ûntdutsen wiene. Mar doe kaem it Selskip sels oan bar om't it sa'n ‘keurige volledige verzameling van de werkjes van Friesche taal- en letterkunde’ oantúgd hie. En daliks dêrop: ‘Deze verzameling zet niet de kroon op ons feest, maar op de hoofden van onze ijverige medewerkers, die in het vak van Friesche taalkunde zoo ruimschoots aanvulden dat, waarin ons Genootschap gedurende het 50-jarig bestaan er van te kort kwam, zoo zelfs, dat het wel eens scheen of het zich alleen tot de beoefening van Friesche geschied- en oudheidkunde uitsluitend bepaalde. Maar zoo helpt de eene hand de andere. Mogen de beide Genootschappen naast elkander als twee takken van denzelfden stam, nog lang goede vruchten afwerpende, blijven bestaan!’ It is dúdlik: der is in greate ienriedigens en der is wurkfordieling. De doelen slute by mekoarren oan en de taelforskillen, moat oannommen wurde, binne har emosionele lading kwyt. Hwat is it plak fan it Nijfrysk? De Selskipslju sjogge it Frysk noch altyd as in kultuertael, mar mei bigrinzge mooglikheden. Yn de rounten fan it Genoatskip falt de klam mear op it romantysk-folkloristyske elemint yn in tael, dêr't nei bûten hwat mei pronke wurde kin sûnder dat immen freget of forwachtet dat men dy sels | |
[pagina 119]
| |
ek sprekt. Sa bliuwt de âlde kode yn wêzen, en der is gjin reden om oan to nimmen dat sels minsken as Van Loon en Colmjon dat fiele as in kompromis. Warberens mei it Selskip net ûntsein wurde, mar de fanfares fan de jierren fjirtich lykje forstoarn. Like goed, it wie in wichtige en moaije totoanstelling. It tal bisikers lei boppe de tritichtûzen en der bleau goed sawntjintûzen goune fan oer. Foar dy tiid wie dat in slompe jild; genôch om it Eysingahûs op 'e hoeke fan de Keningsstrjitte en de Turfmerk to Ljouwert der foar oan to keapjen. Sa kaem der einlings in goed plak foar de samlingen fan it Genoatskip en de provinsje. Der moast in soad yn fortimmere wurde en op it mânske hûs kaem ‘Friesch Genootschap’ en net ‘Friesch Museum’ to stean. Dat soe pas folle letter barre. Mar dizze sit fan it Genoatskip wie wol it Frysk Museum dat, forrike stadichoan troch keap fan gaedlik materiael en net to min troch jeften en legaten, de rom woun hat it bêste provinsiale museum fan Nederlân to wêzen. It hie fansels net mooglik west sûnder fêste jildlike stipe fan de provinsje. It museum hat folle to tankjen hawn oan partikuliere goederjowskens, mar de eksploitaesje wie foar in gewoane foriening fansels net to biteljen; yn Fryslân net en nearne net. Foar de Fryske biweging hawwe de sawntiger jierren fan de 19e ieu in greate tiid west. It útkommen fan de ‘Rimen en Teltsjes’, winterjounenocht en toaniel, de stientsjefeesten to Grou en de Ljouwerter totoanstelling, it binne tekens fan libben en fleur. Ek it útkommen fan it great Lieteboek moat wer neamd wurde. En dan fansels net to min it staveringsrapport, dat fierhinne ienheit brocht hie dêr't foarhinne in soarte fan anarchy hearske. De brek mei de Iduna-romantyk wie symboalysk foar de hiele situaesje: de oerwinning fan de rede. In skoft koe it lykje oft dat allinne mar winst wie. Brede selsfoldienens wie kommen yn it plak fan ûnnoflikens en sels opstannigens foar de oarstalige hegerein oer. It liberalisme hie ommers de gelikensens brocht yn sa mannich stik. Dat de bân tusken Selskip en liberalisme hwat iensidich wie en dat mear as ien Fryske foaroanman it Fryske bilang ôfmeat nei it liberale bilang, waerd sa daliks net field. Yn it gebrûk fan de tael wie in soarte fan status quo ûntstien mei it Frysk wol yn in hiel hwat heger skatte posysje as yn 'e earste helte fan de ieu, mar mei it Hollânsk dochs as rom bimetten offisiële tael en as hast algemiene skriuwtael. De yntekenlisten fan it Lieteboek wiene yn it Hollânsk. Oantekeningen by it skreaune klad fan Colmjon syn Fryske brieven en lêzingen binne ek gauris yn it Hollânsk. Oan Frysk ûnderwiis waerd noch net earnstich tocht. As gehiel wie it byld noch net sa ûngunstich, as der ek rekken mei | |
[pagina 120]
| |
holden wurdt dat de provinsje de forantwurdlikens foar it wurdboek op him nommen hie. Biwegingssaek wie it wurdboek noch wol, om't yn 'e kommisje fan taforsjoch Van Loon en mr. Van Blom sieten en Colmjon de samler en biwurker wie. De boustienen wiene nammers ek mei troch it Selskip levere. Eftergroun fan it hiele taferiel fan wurksumens en warberens wie yn dy snuorje de Fryske ekonomyske woltier. Mar de grounslach fan de Fryske ekonomy wie smel. Der wie wol de turfmakkerij en der wie wol hwat yndustry, binammen yn de stêdden en greatere doarpen; mar Fryslân moast it dochs fierwei it meast hawwe fan de greidbuorkerij. De Fryske ekonomyske thermometer wie moai aerdich de bûterpriis, en dy bigoun tsjin 1880 to sakjen op de Londenske merk. It forskynsel wie yn it earstoan noch net sa dúdlik en koe yn elts gefal as tydlik sjoen wurde. Yn 'e rin fan de tachtiger jierren lykwols waerd it ynpleats fan better aloan minder: in duorjend weromrinnen fan it iene jier op it oare. Fryslân bigoun de rekken foar syn selsfoldienens thús to krijen. It koe wêze dat it dochs net it bêste lân fan 'e ierde wie. Der is altyd in wikselwurking tusken de ekonomyske konjunktuer en it kulturele libben, ek en binammen yn ôfgeande tiden. Foar de Fryske biweging koene de gefolgen net útbliuwe. It liberale tiidrek wie oer syn hichtepunt hinne en troch it opkommen fan nije streamingen like de forbounens tusken biweging en liberalisme net mear eat dat himsels sei. It hat oars noch in skoft duorre ear't de krisis ta utering kaem yn it ledetal fan it Selskip. De dúdlike neiklap die him pas foar yn 'e midden fan de njoggentiger jierren doe't it Selskip it feitlik allinne oerlibbe troch it har hanthavenjen fan inkelde greate kriten. Mar al folle earder kaem oer it rike Fryske libben stadichoan in skaed to lizzen. Binammen de hierde boeren (yn Fryslân fierwei de measte) kamen yn 'e knoei om't de hier de bûterpriis mar skytskoarjend en op in distânsje folge. En net allinne foar de lânarbeiders, mar ek foar it folk yn de feanen, de lytse lju, arbeiders en baeskes, rounom kaem de klap hurd oan. It wie nammers net allinne in agraryske krisis, al hat it forskinen fan de Foriene Steaten mei har lânbouprodukten op 'e wrâldmerk fan ynfloed west. Aksje kaem der yn twa folksdielen dy't in stikhinne bûten de liberale emansipaesjedriuw bleaun wiene. De tachtiger jierren wiene de tiid fan de doleânsje en de opkomst fan de arbeidersbiweging. De doleânsje kin sjoen wurde as in forfolch op de ôfskieding fan in heale ieu earder, doe't espels grifformearden fan it âlde stimpel har oan de offisiële tsjerke ûnttein hiene en mei domeny's en oefeners op eigen manneboet harren godstsjinstige gearkomsten holden, faek yn skuorren of de iepenloft. Dizze rjochting, earst fan alle kanten oanfallen, hie letter dochs har plak foun. | |
[pagina 121]
| |
Yn Fryslân wie har oanhing yn it bigjin net lyts, mar hja hie de tiidgeast tsjin en waerd al gau forswakke troch massale emigraesjes nei Noard-Amearika. Dochs hat it binammen dit ôfskieden folk west mei syn bikearings-wûnderforhalen, dêr't him de hún en de lytsachting fan de folksskriuwers tsjin rjochte. Sûnt lykwols wie in gâns machtiger opposysje opkommen fan rjochtsinnigen, dy't ornearren dat in great part fan de greate tsjerke ôfdreaun wie fan de âlde en krekte bigjinsels fan Dordt. In wichtich striidpunt tusken reklik en presiis wie de skoallekwestje wurden. Dy wie al moai lang foar de feitlike doleânsje oan 'e oarder, en hiel hwat skoalmasters út de Selskipsrounte sieten mei kop en earen yn de striid tsjin de subsidiearring fan it bisûnder ûnderwiis. De doleânsje sels, dy't yn 1886 ûnder lieding fan Abraham Kuyper fûleinich trochbriek, hie in folle striidberder karakter as de ôfskieding. Polityk hie se hâld yn de anti-revolusionaire partij dy't it al in rige fan jierren yn de Twadde Keamer yn 'e kant set hie tsjin de liberalen. Kristlike partijfoarming (ek de roomsken forienigen har) en doleânsje wiene dúdlik tekens fan ôfbroazeling fan liberale opfettingen en liberale macht. In oare bidriging soe de arbeidersbiweging wurde, al wie dat yn it earstoan noch net sa dúdlik. De ‘Provinciale Friesche Werkliedenvereeniging’, oprjochte yn maert 1870, woe har ntl. net by de Ynternasionale oanslute, hoe't de earste foarsitter, de Snitser typograef J. Kuiper, dat ek bipleite. It wiene de Ljouwerters dy't it opkearden en it wiene ek de Ljouwerters ûnder O. Rommerts dy't meikoarten de lieding oernamen yn de foriening, dy't sûnt sa likernôch gou as it loftse diel fan de Fryske liberalen. Yn it ‘Algemeen Nederlandsch Werkliedenverbond’, in jier letter oprjochte, hold de Fryske foriening in moai selsstannich plak. Yn Fryslân koe se fuortbouwe op somlike liberale en foar in part troch it winterjounenocht rom forsprate idéen as goed ûnderwiis, striid tsjin de sterke drank en it bouwen fan fatsoenlike arbeiderswenningen. In man as Th. Postma (noch lang in foaroansteand ûnthâlder) brocht yn it stribjen nei in better bistean foar de arbeiders ek in godstsjinstich elemint. T. van der Wal ornearret dat hy biynfloede is troch de filantroop W.H. SuringarGa naar eind47.; retrospektyf sjoen liket hy in foarrinder fan de lettere Fryske kristen-sosialisten. De dúdlik net-Marxistyske geast yn 'e earste Fryske arbeidersbiweging hat net bihinderje kinnen dat nei it ta stân kommen fan ‘Patrimonium’ yn 1877 de measte rjochtsinnige arbeiders út de ‘Werkliedenvereeniging’ stapten. Dizze rekke fierder forswakke troch de oprjochting yn 1881 fan de ‘Sociaal-Demokratische Bond’. Doe pas bigoun de ûntjowing yn in mear radikale tsjin de liberalen kearde rjochting. |
|