Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 92]
| |
It liberale tiidrekDe winst fan trije fearnsieu - De nije Genoatskipsgeneraesje - It Selskip ûnder Van Loon en Gerben Colmjon - De stientsjefeesten to Grou - It staveringsrapport - De grinzen fan de nije fase.It hommels forstjerren fan de twa Selskipsfoarmannen bitsjut dúdlik in cesuer yn de Fryske kultuerskiednis fan de njoggentjinde ieu. It hat alle eigenskip dêrom, ris in balâns op to meitsjen fan de ûntjowing yn trije fearnsieu: slagjen en net-slagjen, ideael en wurklikheit. Hwat is it dat in folk makket? Pieter Geyl, dy't de ‘Geschiedenis van de Nederlandse Stam’ skreaun hat, seach yn syn letter libben in folk dochs folle mear as in kultuermienskip dan as in stamme. Mar just dêrom hearden neffens him Nederlanners en Flamingen by mekoarren, al rint der tusken harren ek in steatkundige grins. De Friezen achte hy in apart folk foarsafier't har kultuer him fan de Hollânske ûnderskaette, ek al ûntbriek in steatkundige grinsGa naar eind31.. Kultuer, dat is tael, dat is literatuer, dat is tradysje; dat is faeks ek in troch isolemint, klimaet en erflikens biskaet folkseigen. Mar, sei Geyl, der is yn Nederlân ek folle mienskipliks, binammen sûnt de opstân fan de sechtjinde ieu: steatkundich, rjochtlik, tsjerklik en net it minst troch de Hollânske tael dy't Fryslân ûnforplichte fierhinne foar kar nommen hat boppe syn eigen, hoe tige dy ek yn libben bleaun is. Oer dizze lêste utering is fansels einleaze strideraesje mooglik; mar it is gewoan in histoarysk feit dat yn it soevereine Fryslân, dat oan 'e ein fan de achttjinde ieu ophold to bistean, it doetiidske Frysk amper mear in kultuertael neamd wurde mocht. It wie ynboud yn de stannehiërarchy en it symbolisearre de mindere man en de mindere biskaving. Yn dy tiid lykwols bigoun de romantyk troch to brekken en kaem de bilangstelling foar âld-Fryslân en foar de ‘klassike’ dichter Gysbert Japiks, dy't it dochs mar slagge wie de folkstael ta greate hichte op to stjitten. De Halbertma's, biwittenskippe Friezen út de boargerklasse en, as Minnisten, út in farsk emansipearre rounte, biwiisden de brûkberens fan it nij-Frysk foar de literatuer; mar de hiele Genoatskipsfase fan de romantyk biwiisde ek dat der gjin kâns wie en ek gjin wollen, de âlde stannehiërarchy to trochbrekken. De gebrûkstael yn de liedende maetskiplike rounten, foar alle hwat offisiële doelen en yn skoalle en tsjerke bleau it Hollânsk. Der moast in stjit fan ûnderen komme om fierder to gean; en it hawwe binammen Harmen Sytstra en Tiede Dykstra west dy't dy jown hawwe. Jacobus van | |
[pagina 93]
| |
Loon moat ek neamd wurde, mar dan as de man dy't fan it bigjin ôf oan de grinzen seach fan de nije fase. It Frysk net allinne foar literair gebrûk mar ek as tael foar gearkomsten en foar brieveforkear en hwa wit hwerfoar noch wol mear: Sytstra en Dykstra wiene ré de swetten wiid út to lizzen, Van Loon gyng safier as it liberalisme it foar syn hearskippij forneare koe en net fierder. De winst sûnt de 18e ieu wie klear. Gysbert Japiks wie wer ûntdutsen, rju skiedboarnen wiene iepen kommen to lizzen, de âlde wetten wiene wer útjown, de Fryske frijheitsidé hie nije glâns krige; en hwat it wichtichste wie, de tael wie syn stigma fan boereftigens en ûnderdienigens in stik hinne kwytrekke en gou foar forskate minsken út de lytse boargerij as middel ta emansipaesje. It joech selsachting dy't tofoaren ûntbriek; it joech ek spanningen dy't der tofoaren net wiene. It liberale tiidrek hat in nij lykwicht brocht, in fêstlizzen fan de foroare posysjes. It bitsjutte ek wol wer stagnaesje, mar gjin ûnfruchtberens. De achttjinde ieu wie foargoed foarby. Om to bigripen hwat koe en lange tiden (noch) net koe moat bitocht wurde dat de boargerij, dy't nou definityf mei to sizzen krige hie yn 'e maetskippij, dochs har geskiktheit dêrta to biwizen hie troch oanpassing oan de gebrûksregels fan de liedende rounten. It wie der nammers fier fan dat dizze boargerij yn har hiele hear en fear as Frysksinnich jilde koe. Sa koe der gjin tinken oan wêze dat it Frysk in plak krige yn it amtlik taelgebrûk en yn it learprogramma foar de skoallen. It wie al moai dat lju út de Selskipsrounte wichtige plakken krigen yn it bistjûr fan gemeenten en provinsje en dêrtroch yn steat rekken hwat oan foarsichtige kultuer-polityk to dwaen. Der moat by sein wurde dat op dit punt fan it Genoatskip ek wol ynfloed útgyng. It Genoatskip dreau wol hwat mei yn de liberale stream, mar it is nijsgjirrich to sjen hoe't it dizze foriening dochs slagge is yn syn gearstalling de âlde formule út de tiid fan Willem I, adel en foarname boargerij, to hanthavenjen. Oer de liberale ‘krite’ op 't Hearrenfean is earder al hwat sein. It hat in manifestaesje west fan de saneamde ‘stelselmatige’ liberalen, dêr't ek mr. Simon van der Aa ta bihearde, en de al neamde mr. J. van der Veen en mr. A.F. Jongstra. It wie dizze rounte dy't de ‘Provinciale Friesche Courant’ as orgaen hie, in blêd dêr't wolris hwat Frysk yn to finen wie, lyk as dat ek yn de Hearrenfeanster gearkomsten syn gerak krige. Mar lang hat dat Hearrenfeanster eksperimint net duorre en de geast dêrfan wie in oarenien as dy't libbe yn it Genoatskip yn syn gehiel. | |
[pagina 94]
| |
Wopke Eekhoff, boekhanneler en ‘archivarius’, warber man dy't û.m. in skiednis fan Ljouwert en fan Fryslân op syn namme stean hat; foaroansteand lid fan it Genoatskip, mar ek arbeidzjend lid fan it Selskip-1844. **
It foarsitterskip fan it Genoatskip kaem yn 1852, nei it ôfgean fan J. van Leeuwen, foar in lange snuorje by mr. J. Dirks, dy't wol ûnder in liberael etiket sit krige yn 'e Twadde Keamer, mar it by de kiezers nei forrin fan tiid forbmide; hwant yn wierheit wie hy in bihâldend man. Fjirtich jier efter mekoarren hat dizze hwat stive, mar wol gelearde en ek wol aktive man it Genoatskip laet. Hy wie in foaroansteand kenner fan munten en pinningen, mar syn ûndersikingen en publikaesjes bislagge in folle rommer fjild as dat fan de numismatyk. Sekondearre waerd hy in rige fan jierren troch Wopke Eekhoff, dy't net allinne skathâlder fan it Genoatskip wie, mar ek foarsitter fan de âldheitkundige ôfdieling. Yn haedsaek autodidakt hie hy him mei adellike stipe ûntjown ta in goed skiedkundige en in fruchtber skriuwer; en hoewol't er him almeast fan it Hollânsk bitsjinne, mei hy dochs mei rjocht Frysk nasionalist neamd wurde. By de liberalen hat hy lang gouwen as in hearefeint, en it is wol wis dat hy ien fan de opstellers west hat fan de yn 1849 útkommen brosjuere dy't in konservatyf forwar bifettet tsjin it stribjen, fan de grytman in gewoane boargemaster to meitsjenGa naar eind32.. Mar syn selsachting hat oanwoun mei't syn reputaesje as skriuwer woeks (hy levere in skiednis fan Ljouwert en ien fan Fryslân) en syn hwat steile parmantigens bihindere him net greate bilangstelling to hawwen foar de Fryske skriften. Hy hat lid, sels in skoft arbeidzjend lid, west fan it Selskip. | |
[pagina 95]
| |
‘Der Dritte im Bunde’ hat tweintich jier west mr. I. Telting, siktaris lyk as syn heit mr. A. Telting dat yn earder tiid ek lang west hie. Hy wie in stiller figuer as Eekhoff, mar hy hat wiidweidich skreaun oer it Fryske privaetrjocht; in jurist fan bitsjutting dy't riedshear west hat yn it Ljouwerter Hof en op 't lêst syn bistjûrsfunksje by it Genoatskip opjaen moast om't er bineamd wie yn de Hege Rie. As siktaris hied er dr. J.G. Ottema opfolge, in man dy't ek noch lang fanwegen syn erkende filologyske kwaliteiten in foaroansteande figuer west hat yn it Genoatskip. Ottema wie by útstek noch de eksponint fan de hwat patrisyske romantyk dy't yn it Genoatskip in taei libben hie. En al stie de adel net sa foaroan, de ledelisten wize dochs wol út dat hy rom fortsjinwurdige bliuwt sûnder dat yn de measte gefallen dúdlik is hwat foar stik wittenskip syn telgen bydrage. Ek dit is romantyk boppe in biskate maetskiplike grins. Nijsgjirrich is lykwols dat it stamboek fan de Fryske adel, dêr't mr. Binkes al ier yn de tritiger jierren it Genoatskip mei oan it gearstallen ha woe, yn 1846 útkommen is net as wurk fan Genoatskipswegen, mar as frucht fan de flyt fan jhr. De Haan Hettema en mr. Van Halmael. Van Halmael siet net yn it Genoatskip (sj. s. 50) en De Haan Hettema, man mei in lêstich karakter en mei mear as ien Genoatskipslid yn tsjok waer, wie sa neigeraden ek in heale bûtensteander wurden. J. van Leeuwen skriuwt bitter oer him oan Joast Halbertsma, en mei Eekhoff hat er yn tweintich jier net fûstke. Wol hat it Genoatskip syn ‘Oude Friesche Wetten’ útjown (1846-1851), mar Von Richthofen hie it earder en better dien as hyGa naar eind33. (sj. s. 65). Oan dizze publikaesjes is in striid om de hânskriften foarôf gien, dêr't de boekhannelder Wopke Eekhoff de Dútskers frijhwat de gunst jown hat boppe de Fries, dy't er net lije mocht. It stamboek fan de Fryske adel, om dêrop werom to kommen, bifettet (mei lettere forbetteringen en oanfollingen) wichtich materiael foar de stúdzje fan de Fryske (en Nederlânske) skiednis; ek om't it forskate biografyske bisûnderheden jowt. It hat binammen yn it tiidrek fan mr. Dirks en Wopke Eekhoff west dat it Genoatskip it swiertepunt fan syn bilangstelling sa dúdlik lein hat op de âldheitkunde. It ôfgraven fan de terpen fan 1840 ôf barde net yn it bilang fan de wittenskip en noch minder yn it bilang fan it Fryske lânskip. It wie in foarm fan ôfbraek om't de terpmodder safolle mear opbrocht as de terp oars opbrocht, lyk as al earder yn 'e lege midden tûzenen bunders lân priisjown wiene oan it wetter om't de turf jild jildde. Efternei mei it noch in wûnder hjitte dat by it suver saeklik bidriuw fan it modder winnen noch safolle materiael út de terpen rêdden is. It Genoatskip hat dêr tige oan meiwurke en ek de hân lein op in fiks stik fan de bút. Binammen | |
[pagina 96]
| |
Titelblêd fan it yn 1846 útkommen Stamboek van den Frieschen Adel, frucht fan de flyt fan A. van Halmael en jhr. M. de Haan Hettema. **
| |
[pagina 97]
| |
Eekhoff syn flyt mei priizge wurde, hy wie in samler, ek fan âlde kaerten, tekeningen en gravueres. Foar sok sammeljen wie nammers alle reden om't de tiid fan foarútgong ek de tiid wie fan noch safolle mear ôfbraek as it opromjen fan de iene terp nei de oare. De twadde helte fan de njoggentjinde ieu hat in tiid west fan opromjen sûnder skrupules. Binammen is ôfgryslik húsholden ûnder de âlde gebouwen. Oer restauraesje waerd doe noch net prakkesearre en likemin oer de mooglikheit om bgl. âlde adelshuzen, dy't troch forstjerren of forfarren fan de biwenners leech kamen to stean, in oare bistimming yn it bilang fan de mienskip to jaen. It wie net allinne it boerelân dat in stik fan syn sier kwytrekke, ek de stêdden koene der hwat mei. De notulen fan de Ljouwerter gemeenterie meitsje mar yn ien rigeltsje gewach fan it bislút, de sierlike Nijetoer to ‘amoveeren’ (1884). Nammers binne der noch hiel hwat mear en earbiedweardiger bouwurken slachtoffer wurden fan hwat liberale ûnforskilligens of selsoerskatting neamd wurde mei. It forklearret, al wer, de foarleafde fan it Genoatskip foar it konservearjen; fan it sammeljen fan itjinge ferlern drige to gean. Oer it omslepen fan de Genoatskipssamlingen fan it iene lokael nei it oare is earder al hwat sein. It hat dr. J.H. Halbertsma west dy't ek de provinsje rjochtstreeks yn dizze swierrichheden bihelle, mei't er in part fan syn âldheden ôfstie foar in op to rjochtsjen provinsiael ‘Antiquarisch Kabinet’. Dat kaem yn 1853 ta stân. Earst wiene it allinne syn ‘Merkwaardigheden’ dy't er oerdroech, mar letter kaem ek syn sulver der by. It finen fan in oplossing waerd nou teffens in provinsiael bilang. Der ûntstie lang om let (1872) gelegenheit de samlingen ûnder to bringen yn it provinsjehûs yn de romte dy't frijkommen wie mei't it telegraefkantoar (dat yn it provinsjehûs siet) oerbrocht wurde koe nei it postkantoar oan 'e Woartelhaven. Sa ûntstie it Frysk Museum; it bigjin wie der. Yn it Selskip tekene de nije koerts him al gau ôf. De nije foarsitter Jacobus van Loon wie fansels wol in man fan de earste ûre, mar syn oandiel oan it Selskipswurk hie him altyd ûnderskieden troch in foarsichtige distânsje fan hwat him net forstannich en net praktysk talike. Colmjon wie doe al siktaris en bleau dat ek, mar as hwat jongere man wie hy letter yn it Selskip kommen en fortsjinwurdige hy ek al in hwat oare geast. Syn libbensgong like op Waling Dykstra sines: autodidakt dy't út it âlderlik birop (syn heit wie boarstelmakker) wei it de kant fan skriuwen en boekforkeapjen út socht. As Waling Dykstra wie hy út de orthodoksy wei by it liberalisme bidarre. Faeks mei syn idealisme hwat heger oanslein wurde as Waling Dykstra sines. Hy hat it Selskip nea hifke op it bilang dat hy der persoanlik by hie. Foar goed oerleine talestúdzje hie hy in | |
[pagina 98]
| |
It twadde ‘twamanskip’ yn de Fryske biweging: Jacobus van Loon en Gerben Colmjon. Hja
wiene liberael en Frysk yn de tiid fan de opkomst fan it winterjounenocht en it folkstoaniel. As
lid fan Deputearre Steaten joech Van Loon it Selskip, dêr't er foarsitter fan wie, hwat mear
oansjen. Hy hat tige de hân hawn yn de bineaming fan Colmjon ta provinsiael bibliothekaris-archivaris,
in funksje dêr't dy net de algemien nedich achte wittenskiplike oplieding foar hie,
mar dêr't er goed yn foldien hat. *
sintúch; nammers joech hy blyk fan in oarderlike geast. De Fryske biweging, dêr't hy fan hûs út net sa daliks by thúshearde (de mem kaem wol út Wergea, mar de heit út Utert), hat him lutsen om't er dêr de opfiedzjende en emansipearjende bitsjutting fan fielde, en hy is har trou bleaun oan syn dea ta. Yn it Selskip is wol field dat nei de dea fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra in oare tiid bigoun. ‘De forsleinheid wier great’, skreau Colmjon yn it jierforslach oer 1862. ‘Sumliken fen 'e leden wieren sels fen miening dat nu, mei 't forstjerren fen dy twa greate mannen, it Selskip sín eind binei wier. Mar dissen bithochten net dat de geast fen Dykstra en Sytstra it Selskip al thruchlitzen hie, dat hia mei 't fiûr der lieafde foär 't fríske heiteland, dêr hia beide sa ful fen wieren, ek oren oanstitzen end alsa wyd hieden, um wier 't den ek net mei de selde krêft, dôch mei deselde lieafde end îver, it wirk, dêr hia it dellidze moästen, wer up to nimmen end to forfulgjen’. Net mei deselde krêft, wol mei deselde leafde; dat wie wol aerdich sein. Ut it sitaet sels blykt dat it mei de Iduna-stavering al op in ein roun. Dat noch in diel fan Sytstra syn Spraekleare útkaem, lei oan in earder bistjûrsbislút; it wie in kwestje fan folle muoite en hege kosten. Yn it | |
[pagina 99]
| |
forslach fan de haedbistjûrsgearkomste fan 1860 is dêr hwat oer to finen. Printer Van den Bosch blykt oan Sytstra frege to hawwen ‘as 't naut mugelik wier, dat er sîn wirk sa wisiga, dat hit mei da gewone boekstaven printa wirda koed’. It haedbistjûr wie fan bitinken dat, as it net koe, it dochs bisteld wurde moast. Men kin fan tinken wol hawwe dat Sytstra der net oer prakkesearre foroaringen yn syn systeem oan to bringen om it de printer makliker to meitsjen. Dat hat fansels wol makke dat de rekken letter nochal moai boppe de taks blykte to lizzen. In jier nei Sytstra syn dea al joech it Selskip Colmjon syn ‘Beknopte Friesche Spraakkunst’ út. It boek hie net de greate en earsuchtige opset fan Sytstra syn wurk, mar it wie helte praktysker, boud as it wie op de gebrûkstael, al joech it ek wol foarmen foar ‘hoogeren stijl en ... poëzy’. De standert-stavering like doe noch net sa tichteby, mar Colmjon krige de frijheit sa neigeraden mei de Iduna-stavering foar de tiidwurkjes fan it Selskip ôf to weven. Hy wie in man oan hwa't wol tabitroud wurde koe dat op forstannige wize to dwaen. Hoe great wie de streaming dy't nei it forstjerren van Harmen Sytstra einliken miende dat ‘it Selskip sín eind binei wier’? De list mei ledetallen yn it Tinkboek leart dat der yn 1863 en 1864 wol in lyts forlies is (12 yn twa jier), mar dat der dan wer hwat opgong komt. Pas fan 1868 ôf kin praet wurde fan in dúdlik tobekrinnen; en yn 1872 hat it Selskip syn lytste ledetal sûnt 1852 (122). Mar dan komt de omkear, ynienen bigjint in fiks oanwinnen dat trochgiet oan 1885 ta; dan komt it ledetal op 543. Hwat is bard? It antwurd op dy fraech moat wêze: it Selskip hat him ynfoege yn it liberale maetskippijskema en fornimt dêr de fortuten fan yn de fleurige sawntiger jierren. It wurdt achtenearre en hat in fêst plak krige. Harmen Sytstra en Tiede Dykstra wiene Fryske nasionalisten op it foarste plak en liberalen allinne om't hja min hwat oars wêze koene. Mar der wie folle yn harren geast en stribjen dat in great part fan de nije liberale boppelaech perfoarst net hage. Binammen de ‘stelselmatige’ liberalen woene de emansipaesje net safier driuwe dat de mindere man (en de mindere tael) har plak net mear hoegden to kennen. De jong stoarne liberale foarman mr. Jan van der Veen, ek in skoft aktyf Selskipslid, woe bgl. wol it kiesrjocht foar in rommere kategory, mar dochs ‘met voorbijgang vooral der laagste standen der maatschappij’Ga naar eind34.. Hwat bard is komt der op del dat de pretinsjes fan de Fryske biweging minder ûntrêstigjend wurden wiene. Nei de dea fan it twamanskip Dykstra-Sytstra wie gjin ‘oanslach’ mear to biduchtsjen op 'e tael fan it offisium of de skoalle en yn it algemien net op doelen dêr't it Hollânsk in kwestje fan (hegere) rangoarder wie. Jacobus van Loon en Gerben Colmjon wiene | |
[pagina 100]
| |
De portretreliëfs fan Joast (l.) en Eeltsje (rj.) Halbertsma yn de muorre fan harren bertehûs to Grou.
(Foto Sj. Andringa). warbere Fryske foarmannen, mar hwat hja diene en bistribben kaem dochs nea oer de grinzen dy't ek de hwat demokratisearre maetskippij oanhold foar de (mindere) folkstael. Dochs hat de twadde helte fan de njoggentjinde ieu in fruchtber tiidrek west foar it Frysk. Yn 1860 bigjint it winterjounenocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen en fan dyselde tiid ôf komt ek it Fryske folkstoaniel stadich op gong. It is in ûntjowing dêr't fierderop mear fan sein wurde sil. It folk kriget yn it Frysk learing en formeits, net út namme fan it Selskip en allikemin út namme fan it liberalisme; mar wol yn de geast fan beide. It hat der in soad fan dat dit fenomeen it foljen west hat fan in iepen romte op in wize en mei middels dy't yn 'e geast wiene fan de liedende (liberale) rounten en mei har Frysk dochs gjin oantaesting ynholden fan de maetskiplike forhâldingen. Heal literair en heal moralisearjend plichtet in folkstael wol dulde en sels wol wurdearre to wurden troch rounten dy't der oars skerp op passe dat sa'n tael net de pretinsje hat har yn it plak fan de offisiële to kringen. By Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts is, yn har foardrachten en har stikken, net folle fan maetskippijkrityk to fornimmen. It binne de minsken sels dy't forbettere | |
[pagina 101]
| |
Der wie nei it ûntbleatsjen fan Joast Halbertsma syn earestien (it twadde Grouster stientsjefeest)
in mienskiplik miel. Hwat dêr iten is, is op dizze list to sjen. *
| |
[pagina 102]
| |
wurde moatte; gierrigens, skynfrommens, bygelove en kwaksalverij krije it to forduorjen. Yn liberael-rasionele teksten komt it Frysk ta de minsken, dy't sa ta lêzen en skriuwen brocht wurde op in wize sa't dat yn ieuwen net it gefal west hat. It is ek dizze wize hwerop de Fryske biweging harsels akseptabel makket; sij it fansels net yn de rjochtsinnige rounte, dêr't der foargoed oantaesting fan de âlde oarder yn sjoen wurdt en dêr't mear as ienkear de warskôging út klinkt, fan dizze nije foarmen fan formeits wei to bliuwen. De winst drukt him út yn it ledetal fan it Selskip, en ek yn it soarte fan leden dat der bykomt. In rychje foarmannen fan it Genoatskip, ûnder hwa Eekhoff en mr. Dirks en somlike lju út de adel, wurdt ynskreaun. In greate propaganda is útgien fan de twa troch it Selskip organisearre ‘stientsjefeesten’ to Grou. It earste wie op 13 oktober 1875, noch moai biskieden, doe't oan de gevel fan it Halbertsmahûs in stienreliëf ûntbleate waerd fan dr. E. Halbertsma, mei taspraken fan Jelle Troelstra, in nij en flitich lid, en Waling Dykstra. Ut dit feest is de krite Grou ûntstien dy't fierdersoan yn it Selskip in wichtich plak ynnimme soe. It twadde feest wie op 28 maeije 1879, doe't ek dr. J.H. Halbertsma oan deselde gevel syn tinkstien krige. De opset en it bisiik wiene in stik greater; ek de provinsje en it Genoatskip wiene fortsjinwurdige en de feestrede wie fan mr. Philippus van Blom, rjochtbankpresidint op it Hearrenfean, foaroansteand liberael politikus en foaroansteand Selskipslid. Hjir opponearre him in greater en ‘maetskipliker’ selskip as yn de dagen fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra. Der stie in mindere striidberens foaroar, mar wol wie it sa, dat it Selskip de taelwacht einslutend oernommen hie fan it Genoatskip. It tiidrek Van Loon-Colmjon wie sikerwier net ûnproduktyf, al wie de hertstocht fierhinne dwêste en waerd it gefoel, dêr't it noch spriek, by de mjitte holden troch it forstân. Colmjon pakte de wurdboekplannen wer op, dy't frijhwat fortutearze wiene, neidat der yn de earste Selskipstiid gâns materiael sammele wie. Mar mei dizze nije aktiviteit roun it net sa hurd en it muoide Colmjon net, doe't letter de provinsje dit wurk oernaem. It provinsiael bistjûr wie dêrta forplichte troch it akseptearjen fan J.H. Halbertsma syn ûnfoltôge ‘Lexicon Frisicum’ mei de kondysje dat der oan fuortarbeide wurde soe. Better gyng it Colmjon ôf mei syn krewearjen om to kommen ta in regeling fan de stavering. Hy makke dat dêr in kommisje foar kaem, mei as leden bûten himsels Jacobus van Loon, W. Dykstra, Ph. van Blom en H.G. van der Veen. Einliken hie ek de frisiast dr. Murray Bakker der yn sitte sillen, mar dy bitanke, hwat net bihindere hat dat hy skriftlik moai aerdich fan him hearre liet. Faeks hat it mar goed west dat hy gjin stim yn it kapittel hie, hwant hy stavere heal Ingelsk, | |
[pagina 103]
| |
Foarpagina fan it staveringsrapport fan 1879. De stavering fan 1879 hat in kompromis west
tusken de romantici, dy't nei in ‘klassyk’ (of Ingelsk) wurdbyld stribben, en de praktici, dy't in
makliker en mear op it Hollânsk oanslutende skriuwtael woene. Dizze Selskipsstavering hat it
in foech sawntich jier útholden. *
| |
[pagina 104]
| |
Yn 1876 kaem it Lieteboek fan Jac. van Loon en M. de Boer út (73 Fryske sangen), dat in
greate opgong makke. De sjongkoaren kamen op yn dy tiid en it Lieteboek hat oan har repertoires
in fikse Fryske bydrage jown. *
en it foel dochs al net ta tusken de leden, dy't allegearre it goede woenen mar dochs hwat oars as de oaren. Colmjon hat noch in kear driigje moatten it oerjaen to sillen as der net mear ienriedigens kaem. Hy hat lang om let, mei stipe fan binammen Ph. van Blom, dochs de leden efter in ienheitsrapport krige. De kommisje is bineamd yn 1876; it rapport wie ré yn 1878. Hwat bard is yn dy twa jier mei hast in wûnder hjitte, as der oan tocht wurdt hoe'n gefoelich en prinsipieel punt de stavering altyd west hie yn it Selskip, hoe heech de emoasjes yn it forline roun hiene en hoe tige de mieningen ek yn de sawntiger jierren noch út inoar rounen. It rapport is yn 1879 útkommen yn de foarm fan in hantlieding. Dy hantlieding hat rêst brocht en in soad fortuten dien. Der wie mear oansluting by Halbertsma syn útstel fan 1834 as by de Iduna-stavering, mar in eigen wurdbyld wie dochs bihâlden, der wie omtinken jown oan ôflieding en útspraek, en der wie hwat mear oansluting oan it Nederlânsk. Dizze stavering hat it in foech trije fearnsieu útholden. Selskipswurk hat ek west de útjefte fan it earste greate lieteboek yn de eigen tael, ta stân kommen yn de sawntiger jierren binammen troch tadwaen fan Van Loon (foar de teksten) en de Drachtster musikus M. de Boer (foar de muzyk). Mar der wie meiwurking fan in hiele rige tekst- | |
[pagina 105]
| |
dichters en muzykkenners; en it waerd in sukses bûten forwachting, ek yn jildlik opsicht, hwant der bleau sawier hwat fan oer. Dit lieteboek hat yn in tiid dat de koarsang mear en mear opkaem, it sjongen fan Fryske lieten ûnwittend bifoardere en op dy wize bydroegen oan it forwêzentlikjen fan ien fan de earste en âldste Selskipsdoelen. |