Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 77]
| |
Iduna, rym en ûnrymIt earste Fryske moanneblêd - Harmen Sytstra as propagandist - 1848: Wird oan ús Londsliudum - De stavering as striidpunt - Konflikt mei Waling Dykstra.Yn it bigjin fan 1845 kaem it earste nûmer út fan it tydskrift ‘Iduna’, ‘Fryske rym end unrym’. It Genoatskip hie syn Jierboekje hawn en de almanakken hiene yn 'e rin fan 'e jierren hiel hwat forskaet brocht yn de Fryske tael, mar in moanneblêd hie der oan dy tiid ta noch net west. Selskipsorgaen wie ‘Iduna’ ynearsten net. Harmen Sytstra joech it út op eigen manneboet, al hie hy wol by Tiede Dykstra op meiwurking oanstien en al tidige hy, doe't it Selskip der wie, fansels wol op help fan de leden dêrfan. Efternei bisjoen moat it jin in weachhalzich ûndernimmen talykje fan in man dy' t amper genôch fortsjinne om it libben to hâlden en bigjin 1845, lyk as al sein is, net ienris in fêst plak as ûnderwizer hie. En ek as de printer (earst J.F. Jongs to Frjentsjer en fan 1847 ôf D. Meindertsma Wsn. to Ljouwert) it hwat aventûre, hwat it gefal west hawwe sil, dan bleau dochs it probleem om elke moanne genôch rym en ûnrym yn foarrie to hawwen foar sechtjin siden. Mar hjir lei Sytstra syn krêft; hwat hy net fan oaren krige levere hy sels. En dat bitsjutte yn de bigjinjierren dat hy hast it hiele tydskrift folskreau. Pas stadichoan krige hy hwat help. Sytstra hat mei syn moanneblêd klearspile hwat de Genoatskipssamlers net slagge is mei harren jierboekje dat nei seis jiergongen stoarn is oan bloedearmoed. Mar by Sytstra gyng it ek om hiel hwat oars as ‘vooral de Stedelingen smaak voor hunne veel vergetene moedertaal bij te brengen’. Sytstra rjochte him ta de Friezen yn har totaliteit. Harkje nei de oankondiging yn it earste nûmer: ‘... da fryske sin by ûs folts algemien to meitsen, fryske dichtkinst end wolsprekkendheid to biforderjen, ... de fryske spraek hir âlde glorie wer to jaen; det habbe wy mei ús wirkje foar’. Hy stribbe nei de opwekking fan de Friezen út har sleauwens, hy woe geastlike emansipaesje troch it omheech bringen en heechhâlden fan it eigen kultuerbisit en net to min it fêsthâlden oan de eigen sede. Dat dy sede net swak byspile blykt út ien fan de sitaten op elke Iduna-jefte, dat fan de midsieuske minnesjonger Walter von der Vogelweide: übel mueze mir geschehen künde ich ie mîn herze bringen dar das im wol gevallen wolde vremeder site. | |
[pagina 78]
| |
Iduna, rym en ûnrym, it earste tydskrift yn de Fryske tael. It wie earst in ûndemimmen fan Harmen Sytstra, dy't de sechstjin siden almeast ek sels folskreau. Mar letter kamen der mear meiwurkers en woerd Iduna Selskipsblêd, al hold Sytstra oan syn dea ta de lieding. *
Oer dizze sede, ek in by útstek romantysk postulaet, is earder (sj. s. 69) al it ien en oar sein. Mr. A. Telting is dêr oanhelle; mar Sytstra loek troch mear stammegefoel en minder sin foar bitreklikheit de grinzen noch gâns skerper. Troch ‘Iduna’ hat Harmen Sytstra de earste jierren fan it Selskip hast mear liedsman west as Tiede Dykstra. It wiene yn syn libben fruchtbere jierren en striidbere jierren. Yn Frjentsjer kaem er yn 'e kunde mei Telting en de forljochte skoalopsjenner Behrns, dy't einliken wol Frysk op 'e skoallen hawwe woe. Mei him wiksele Sytstra ek boeken út. Yn 'e maitiid fan 1847 bigoun syn Burgumer tiid dy't fiif jier duorje soe. Dêr yn 'e Wâlden, frijfeint noch en mei in hwat better traktemint, hat er him tige ûntjaen kinnen. Tsjibbe Gearts van der Meulen hat letter optein skreaun oer hwat hy en oaren leard hiene fan dizze man mei syn talekennis en mei syn Fryske idéen dy't foar party minsken doe noch nij en opwinend wieneGa naar eind22.. Der kaem ek in krite fan it Selskip yn Burgum dy't in mannich jierren tige warber west hat. Nijsgjirrich en treffend bliuwt Sytstra syn ‘Wird oan ús Londsliudum’ út 1848Ga naar eind23., skreaun ûnder de yndruk fan de Europeeske revolúsjes. Mei syn forwizing nei it romroft forline fan de Friezen, dêr't hja noch somlike | |
[pagina 79]
| |
deugden út meinommen hawwe, liket it in stik yn de echte romantyske styl. Underskied makket Sytstra tusken de Nederlânske naesje en de Fryske stamme; de Westerlauwerske Friezen, seit er, hawwe nea net efterôf stien hwer't it de fordigening fan de mienskiplike rjochten of de eare fan de steat gou; ‘men yn Eastfriesen end Noardfriesen siugge wy ús broeren; dy Grinslonder is ús yete oltyd sibber as dy Hollonder’. It nije en opmerklike yn dit dokumint lykwols is de sosiale strekking. Net allinne dat hy de ‘splitting’ yn earme-, tusken- en boargerskoallen yn 'e stêdden ôfwiist, hy keart him ek tsjin de ‘splitting’ fan de stannen dy't neffens him liedt ta forfrjemding en ûntkrêfting fan it folk en fakentiden ta forbittering. En fierder giet hy noch as hy seit: ‘d'Earmen matte forthianje, der mat kriich yn bliue. As ma se forsloffet, den meitse hja selme riuchter. Wy habbe 't forliden jier up enkele steden sioen’. Dit slacht op de ierappeloproeren dy't Fryslân yn 1847 bilibbe hie. Hjir gyng it tsjin de útfier fan ierappels, wylst it folk hongere; mar yn greater forbân hat lyk as al oantsjutten is, de krapte oan iten troch de ierappelsykte grif hwat to meitsjen hawn mei de revolusionaire geast, dy't yn 1848 sa fûleinich ta utering kaem. Sytstra hat hwat fan dy geast field. ‘Da deagen tiugge foarby det da heagre stonden hiar mindere ynna thiusternisse stompe, det liacht brekt oerol thruch, eltse stond bigint sín wirde to fielen end syn riuchten to easkjen’Ga naar eind24.. De lûden dy't Sytstra hjir hearre lit rinne fjirtich jier foarút op de maetskiplike krityk en de biedwurden yn Oebele Stellingwerf syn ‘Friesch Volksblad’, mar likegoed ek op P.J. Troelstra syn fers: ‘In nije tiid’ dat anno 1889 noch sa'n opskuor joech. Mar Sytstra bynt oan 'e ein wol yn. ‘Wy wolle middels yn wirking bringe, der ús warje for da bismetting fon drochbylden, sa lyk as er butenlonds ynna gaest der folken omspûkje, en hwernei to jeyen olene thianje kin om ol 't bisteande underst buppa to reagjen, end einling yn sîn eine ellende um to kummen. Wy wolle den foarútgong fon ús folk grundje op ienichheid, end disse útgean lete fon heitelondsliafde. Suc foarútgean jowt ere; scondlik is hit fon freamden ryp end rau oer to nimen’. Tsjin de revolúsje dus in Frysk sosiael patriottisme dat him frij hâldt fan elke frjemdsin: it einbislút is dochs romantyk, mar yn in liberael kleed. It hiele 19e-ieuske nasionalisme hat nammers in liberale kleur, mei't it him fierhinne losmakke hat fan de âlde heal mystike trou oan de foarst. Nochris, de fase fan de Fryske biweging dy't Tiede Dykstra en Harmen Sytstra ynlet hawwe hie sûnder it liberalisme net tinkber west. Hja hawwe in diel fan it folk nei foaren helle dat earder maetskiplik net meidie, en dat koe allinne troch it yn Fryske styl sterkjen fan it gefoel fan | |
[pagina 80]
| |
weardichheit fan dizze minsken en navenant it bilytsjen fan har earbied foar de hearskjende machten yn steat, maetskippij en tsjerke. Ungodstsjinstich wie dit liberalisme fan de lytse man net per definysje; mar it joech de rede wol it primaet boppe de ‘dogma's’ en it taestte wol it monopoalje oan dat domeny's oan dy tiid ta hawn hiene by it hoedzjen fan de morael. Lykwols, al hat de Fryske biweging lange jierren in forskiningsfoarm west fan it liberalisme, dan bitsjut dat biliven net dat it liberalisme alhiel mei de Fryske biweging identifisearre wurde mei. Hwant Harmen Sytstra en Tiede Dykstra mochten skriuwe en roppe hwat hja woene, dochs is de talehiërarchy mei it Hollânsk boppenoan de hiele njoggentjinde ieu yn wêzen net oantaest. Ek de op it kjessen kommen liberalen hawwe de skieding tusken de folkstael en offisiële tael mei it each op har eigen posysje altyd skerp yn it each holden. De swetten wiene wol útlein en únderoan wiene de âlde forhâldingen faeks hwat yn disoarder brocht, mar foar de hegerein bleau it gebrûk fan de Fryske folkstael dochs op syn heechst in nijsgjirrich forskynsel fan 'e twadde rang. De wichtichste foroaring wie lykwols dat troch it Selskip de Fryske biweging en it Frysk in striidposysje krigen. De ienriedigens dy't Harmen Sytstra woe, wie fan in folslein oar karakter as Willem I syn godsfrede. Syn maetskippijkrityk utere er net om 'e nocht; en yn it Fryslân, dat him foar eagen stie, wie grif gjin plak foar de ‘poepen’ en de ‘skieppebruorren’, dat wol sizze minsken dy't har sprake en har Frysk wêzen priisjoegen foar har maetskiplik oansjen. Harren hat hy hune en hjitfolge yn de skerpste tael dy't er fine koe. Syn skimpdichten hearre ta de bêste fan dit genre yn de Fryske literatuer. Yn syn liberael foarút- en syn romantysk efterútsjen is hy in hwat spjaltene figuer. It hat ek dizze tsjinstelling yn syn wêzen west dêr't er lang om let yn fêstroun is. Men hoecht jin fan it Selskip yn de fyftiger jierren gjin al to greate foarstelling to meitsjen. It ledetal lei sa om ende by de 160. Der barde wol hwat op plakken dêr't kriten ûntstiene, mar der wiene doe noch mar in stik of seis. In tal leden plichte mekoarren to moetsjen op de jiergearkomste, dêr't in lêzing de geasten sterkje moast. Headsaek wiene de skriften: it moanneblêd ‘Iduna’ en it jierboekje ‘Swanneblommen’ dy't elk lid krige fan syn kontribúsjejild. Dy publikaesjes, dêr't it wurk fan de leden yn forskynde (seis skreaun of út in oare tael oerset), wiene it wichtichste bynmiddel, en it wiene ek de dingen hwermei't de Selskipsleden har trochgeand fan oaren ûnderskaetten; hwant dy oaren krigen se net en wiene dêrmei ek net op 'e hichte fan hwat yn Fryslân skreaun en tocht waerd. Dat koe in biskieden elite-idé jaen, hwat noch mear it gefal | |
[pagina 81]
| |
Swanneblummen, it jierboekje fan it Selskip, dat yn 1850 bigoun to forskinen. Yn it twadde nûmer stiet dokter Eeltsje syn bikende fers ‘Batthyany's dead’, wijd oan in Hongaerske frijheitshelt út de krekt delsleine opstân tsjin it autokratysk Habsboarchsk biwâld. *
wie op plakken mei in krite (Ljouwert 1848, Burgum 1849, Snits 1850, Frjentsjer 1851, Baerd 1856, Drachten 1856, Dokkum 1860), mei't dêr foardroegen waerd, wolris in haedbistjûrslid oerkaem mei in taspraek en dêr't yn elts gefal in geregeld kontakt wie. De maetskiplike foroaring opponearre him ek yn de sprekkerij yn it algemien. De Halbertsma's wiene forneamde Nutslêzers: yntellektuëlen, dy't fan in biskate hichte har leksums joegen. It plichte formaeklik to wêzen en learsum en allinne Frysk as it oer eigen literair wurk gyng. Mar dat op himsels bitsjutte al in brek mei de deftich-hollânske tradysje. Binammen nei de fjirtiger jierren bigoun ek it Selskip syn Nutslêzers to leverjen en har tael wie fakentiden it Frysk. WumkesGa naar eind25. neamt in hiel rychje: Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen, H.G. van der Veen, A. Noorderbroek, P.A. Meeter en noch oaren, fan hwa't allinne Jan Gelinde van Blom yn dy tiid ek Genoatskipslid wie. De Nutsaktiviteiten fan H.G. van der Veen hat Wadman biskreaun yn syn dissertaesjeGa naar eind26.; se wiene moralistysk, liberael en almeast Frysk. Yn elts gefal krongen yn it Nutswurk lju út it folk nêst de boargerlike elite; in oergong dy't al in oankundiging fan it Winterjounenocht ynhold. Learmaster fan it Selskipsfolk wie wierliken net allinne Harmen Sytstra. | |
[pagina 82]
| |
Ek de ynfloed fan Tiede Dykstra mei net underskat wurde. Syn Fryske striidréens wie net minder as Harmen Sytstra sines en syn wittenskiplike ûndergroun breder en evenrediger, ek al hie hy it net ta in akademyske graed brocht. Ut hwat fan him bikend is kin nearne net folle juridyske oanliz ôflaet wurde; of it moast wêze dat hy de âlde Fryske wetten sa heech skatte, Wittenskiplik sjoen wie hy in taelman fan moai heeeh kaliber en fan it soarte dat doedestiids, mei de germanistyk yn de bigjinfase, op de universiteiten syn gerak net krije koe. Hy hie it gelok hwat bigoedige to wêzen en hat forskate jierren hwat fortsjinne mei lessen oan hûs, ear't er provinsiael archivaris-bibliothekaris waerd. Hy hie in foarleafde foar de Noardske talen en hat faek sprutsen oer figueren en sêgen út de Germaenske mythology. Hy hie by Harmen Sytstra foar dat hy net troch it libben gyng mei de habitus fan de autodidakt. Ofstudearre wie hy net en dat hat syn reputaesje fansels skea dien, mar yn de kombinaesje taelwittenskip-folkskunde wie hy ien fan de earsten en fan de bêsten en hy hie dêr safolle bliken fan jown dat elkenien dat wol tajaen moast. Earmoed lyk as Harmen Sytstra dy kend hat, hat hy nea net lit en syn romantyske idéen wiene ek minder mei selsbiklach formongen; mar har wémoed oer it forlerne forline en har grau op it forbastere skaei wiene gelyk. Faeks hat Tiede Dykstra dy krityk utere op in noch skerper wize. Him wie it binammen yn 'e wei dat it folk de tael delhelje en forearmje litten hie troch de ‘blasende útmon’ en de ‘oerdwealske stedmon’. Ja, de Friezen hiene in ‘scondlik slach fon wezens înleten’; en de boer hie skuld om't er dit folk net op 'e tiid de tosken sjen litten hie en fan him ôfbiten, lyk as oaren dat dien hiene. Hied er him better forward, ‘dy namme fon sîn nummel bidriu, boer, scoe nen scondnamme wirden weze for 't heilichste hwet God him joech, sîn tael’Ga naar eind27.. It is hast ûndwaenlik om yn sa'n redenearring it saeklik elemint to skieden fan it romantyske pathos; nammers hat de stammegreatskens noch lang in ûnmisber part west fan Frysk selsgefoel en Fryske propaganda. En dochs hat Tiede Dykstra altyd wol witten hoe tige it op 'e tael en nochris de tael oankomt. It Selskip hat nei opset en wêzen fan it bigjin ôf in taelkundich doel hawn. Hjir lei ek de dúdlike skieding tusken de filologen en skiedkundigen fan it Genoatskip en de folksmannen fan it Selskip. De filologen fan it Genoatskip leine har út op en forklearren de tael fan de âlde wetten en wiene optein oer de dichter Gysbert Japiks, hwaens wurk sa goed paste yn har klassyk ideael. De skiedkundigen bijoegen har yn de âlde skiedboarnen en pielden sûnt de fjirtiger jierren ek mear mei de fynsten yn de terpen. Mar by al dizze minsken wie de | |
[pagina 83]
| |
Side 106 út Friesche Spraakkunst fan Harmen Sytstra. Sytstra bout op it forline, net oan de takomst fan it Frysk. *
bilangstelling foar it Fryslân fan de eigen tiid yn haedsaek folkloristysk. Foar de measten fan harren wie de folkstael gjin libben bisit en gjin brûkber ynstrumint. De Selskipsmannen bisochten de folkstael omheech to bringen. Harmen Sytstra syn tragyk hat it west dat hy alles hwat hy fielde en dêr't er nei stribbe dellizze woe yn in soarte âldfryske stavering en spraeklear foar it nijfrysk. Wy hawwe him al op 'e tekst heard oer hwat de Fryske skriuwers yn acht to nimmen hawwe by it finen fan tael en taelbyld. En der sit hwat oandwaenliks yn de flyt en de stânfêstens dêr't er mei bisocht hat himsels to hâlden oan syn rie: helje it út ús ‘klassiken’. Oan ien stik wei hat er oan syn dea ta to set west mei it skeppen fan in tael dy't nei it uterlik en nei de geast oansleat op de midsieuske teksten. Yn safier hy dit dwaen woe foar alle Frysksprekkende gebieten siet der by him ek in greatfrysk ideael efter, dat fierders amper hwat mei polityk to meitsjen hie. It resultaet wie like treffend as ûnbrûkber. It eage moai; it like in tige aparte noardske tael, en dêr efter stie Harmen Sytstra as in soarte profeet, Frysk en frjemd biswarrend, dat it sa en net oars wie of alteast hearde to wêzen. Mar los fan it feit dat der wittenskiplik genôch op oan to merken wieGa naar eind28., hie it mar in bytsje fan de tael dy't de Friezen sprieken en dy't fierwei de measten noch leare moasten to lêzen en to skriuwen. It wie in romantysk drôchbyld. It soe in heroysk mislearjen neamd wurde kinne fan in man dy't sa'n fantastysk ding nedich hie om himsels oerein to hâlden | |
[pagina 84]
| |
ûnder tsjinstuit, soarch en argewaesje. Mar krekter is it faeks noch der in bisykjen yn to sjen om troch de alles oertsjûgjende majesteit fan de (Fryske) tael ûnder in oermacht út to kommen dy't foar Sytstra hoe langer hoe mear it Hollânsk as symboal krige hie. Syn stribjen nei it ûnbirikbere en nammers de miening dat de wearde fan de tael biskaet wurdt troch in kunstich gearstald skreaun byld, soe stoffe wêze kinne foar in kultuer-histoaryske novelle. Bûten kiif stiet it drôf fiasko. Dit stik fan Sytstra syn wurk blykte letter in biswierre erfskip to wêzen foar it Selskip dêr't it him fan ûntdwaen moast om fierder to kinnen. Efternei kin men jin der oer bisauwe hoe'n kearnpunt blykber de staveringskwestje west hat yn de Selskipsideology fan de earste tweintich jier. De rige praktyske regels dy't J.H. Halbertsma yn it Jierboekje fan 1834 útsteld hie, hiene doe al mei in stikmannich forbetteringen in ein meitsje kinnen oan de bitizing. It Selskip soe forstannich dien hawwe fierder fuort to bouwen op dizze regels, dy't de strekking hiene de skriuwtael folle tichter by de minsken to bringen. Doe't lykwols Sytstra de noardske talen kennen learde en de grammatika-regels, binammen fan it Dútsk yn him opnaem, like it Halbertsma-frysk him nei de foarm sawol earmoedich as ûneigen. De tael moast biwiismiddel wurde fan de Fryske hege eigenheit en dêr hat er fierdersoan oan ien stik wei nei stribbe. Tiede Dykstra hat er in moai ein meikrige. As folbloed romantikus wie dy tige gefoelich foar elk middel dat tsjinje koe om de Fryske apartens en lykweardigens yn it Germaenske diel fan Europa dúdlik to meitsjen. By strideraesjes, en dy koene fansels net útbliuwe, hat er altyd efter Sytstra stien. Syn help wie lykwols dy fan in man dy't by hwat hy graech woe tagelyk ek wol wist, hoe't it einliken net koe. Yn hwat hy sels skreau hat hy nea Sytstra op al syn wegen folge. Sytstra wist nammers sels ek wol hwat net koe, hwant yn syn almenakstikjes bygelyks brûkte hy net de slimme Iduna-stavering. Mar as samler fan Iduna, Selskipsorgaen sûnt 1850, stavere hy de stikken dy't net fan himsels wiene safolle mooglik om. Skriuwers as H.G. van der Veen en Tsjibbe Gearts van der Meulen hawwe earnstich bisocht yn dy stavering to skriuwen; mar it wie nou ienris ûndwaenlik Sytstra yn al syn fynsten en foroaringen by to hâlden. De tredde man fan it Selskip, Jac. van Loon, dy't mear en mear yn de polityk omheech kaem en dy't de dingen fan de praktyske kant biseach, hat Sytstra nea folgje kinnen. Ut syn brieven blykt dat hy al fan it bigjin ôf biswier hawn hat tsjin de Iduna-stavering. Tsjinstanner fan dy stavering wie ek Waling Dykstra, in man dy't gewoan woe dat er lêzen waerd. Mislearre bakker, ûntjoech er him mear en mear as de earste Fryske biropsauteur. It folksaerdige sei him mear as de | |
[pagina 85]
| |
Prospektus fan De Frysce Huwsfrjeun, Waling Dykstra syn blêd dat Iduna konkurrinsje oandie. Harmen Sytstra koe it mar min hawwe fan de man dy't er oant doe ta altyd faderlik priizge en oanmoedige hie. *
geastdrift en de wémoed fan de romantyk, al hied er dêr yn syn jonge jierren net ûngefoelich foar west. Wol woe de miening dat al it Fryske dochs hwat oars wie as sljochtwei him skoan oan, en yn it oanpriizjen fan de Fryske ienfâldigens en rjochtutens boppe de fan bûten kommende fluenskens en ‘oerdwealskens’ bleau hy net binefter. Mar tagelyk wie hy ek nochter. Sytstra syn staverings-monomany koed er net forneare en nammers seach er der gjin brea yn. Der kaem by dat hy sûnt 1850 in eigen tydskrift, de ‘Frysce Huesfrjeun’, útjoech (yn in soarte Halbertsma-stavering) dat Sytstra sahwat seach as in ûnfreonlike konkurrinsje. De kribbekeurichheden wounen him sa yn 'e holle om dat hy yn 1858 út it Selskip stapte. It wie faeks hwat ûnbitocht, en yn 1862, noch foar de dea fan Sytstra en Dykstra wied er al werom. Mar hy wist doe al dat der gjin diktatuer fan de Iduna-stavering mear yn 'e loft hongGa naar eind29.. Oer it Selskip en it liberalisme is al it ien en oar sein. Striid foar it Frysk bitsjutte emansipaesje en it liberalisme stie alteast foar in part gelyk mei emansipaesje. It kaem der op del dat de lytse boargerij, dêr't it Selskip it fan hawwe moast, min hwat oars wêze koe as liberael. Dit feit hat de posysje fan it Selskip fierdersoan de hiele njoggentjinde ieu biskaet; it wie syn krêft likegoed as syn swakkens. Yn syn earste tiid bistie it foar it | |
[pagina 86]
| |
greatste part út minsken fan it soarte dat der jierrenlang polityk net oan topas kommen wie. De skoalmasters wiene der yn werom, lju dy't al tiden yn it iepenbiere libben amper mear in rol spile hiene en, lyk as wy sjoen hawwe, mar by hege útsûndering yn it Genoatskip talitten wiene. Itselde gou nammers foar de lytse ambachtslju, dêr't it Selskip al gau in moai steal fan hie. Fan de Doeliste-reboelje oer de patriottetiid en de bigjinfase fan de Bataefske republyk hinne nei it liberalisme fan de fjirtiger en fyftiger jierren fan de njoggentjinde ieu wie in moai lange rek; mar dochs amper lang genôch om de ‘nijljochters’ net yn de eagen fan de âlde bistjûrselite it odium fan rêstforsteurders en opstannigen to jaen. De liberalen wie dat net bot yn 'e wei om't it eigenskip joech oan har pretinsjes fan fornijers en herfoarmers. De polityk fan dy dagen wie lykwols gjin soarte totale klassestriid tusken de lytse boargerij en de hegerein. Ek de hegerein, de adel net útsletten, hie syn liberalen. Nij hoecht jin dat net to dwaen; it is in bikend forskynsel dat by elke revolúsje of greate maetskiplike omkear de nije lieders perfoarst net út de ûnderste lagen wei hoege to kommen. Sa leit it wol yn 'e reden dat it Selskip net doeme wie it domein to bliuwen fan inkeld de lytse man. Der kaem nei de helte fan de njoggentjinde ieu ynienen gong yn de maetskiplike ûntjowing. De tiden waerden better en de steat waerd tagelyk frijhwat demokratisearre. Histoarysk sjoen roun Thorbecke syn grounwetswiziging mear op 'e dingen foarút as dat dy foroaring it produkt wie fan in oer alle boegen liberaler ynsjoch. Thorbecke hat allinne de kâns krige, mei't in troch de revolúsjes fan 1848 kel wurden kening Willem II de drystens hie, de wjerstribbige reginten fan Willem I syn godsfrede-tiidrek oan kant to skouwen. Der sit hwat yn fan in lyts wûnder as men sjocht hoe't de hiele keninklike entouraezje mei man en macht bisocht de foroaring op to kearen. Har ynfloed forlearen de âlde machten lang net folslein, mar dochs waerd alles hiel oars. Yn Fryslân kaem it ynstitút fan de ridderskip nei in bistean fan in foech fjirtich jier wer to forfallen, neidat it al dy tiid oan in lyts tal famyljes in greate fortsjinwurdiging yn de Steaten bisoarge hie. De grytman waerd gewoan in boargemaster, hwat ynearsten mear fan symboalyske as fan feitlike bitsjutting wie. De greate foroaring lykwols wie de ynfiering fan it rjochtstreeks kiesrjocht foar Twadde Keamer, Steaten en Rieden dat net rom wie, mar mei syn ‘objektive’ noarm fan bisit of ynkommen dochs in poarte iepenstaette en yn elts gefai daliks in stik boargerij fan de (ekonomyske) midsmjitte in stim yn it kapittel joech. Under de nije forhâldingen wie it dêrom to foarsjen dat de posysje sawol fan Genoatskip as fan Selskip net hielendal gelyk bliuwe soe. It | |
[pagina 87]
| |
Genoatskip hie nei geast en gearstalling altyd de maetskiplike laech fortsjinwurdige dy't nei de restauraesje fan 1813 op it kjessen kommen wie. Dy laech hie nou net mear in monopoalje fan macht en oansjen. It Selskip hie yn it earstoan in klub fan minsken west dy't maetskiplik net sa bot telden. Nei 1848 stie it der hiel oars foar om't de streaming, dêr't it polityk yn thúshearde, tonei in fiks wurd mei to sprekken hie. De kâns op mear erkenning en mear ynfloed siet der moai dúdlik yn; en sa is it ek kommen, al barde it net ynienen. Nou hie der al by de oprjochting fan it Selskip in smelle oergongsstripe west dy't de beide forieningen forboun, dêr't minsken to finen wiene as Jan Gelinde van Blom, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon. Dy oergongsstripe is stadich breder wurden. Mar it Selskip moast it ynearsten dochs hawwe fan it krekt mounich wurden diel fan de boargerij. Dêr wiene foaroansteande minsken ûnder dy't faeks de geleardens of de maetskiplike stân fan it Genoatskipstype net hellen, mar wol yn it Selskip meidwaen koene en woene. It wie folk dat ta de doarpselite rekkene wurde koe en dat in apart elemint waerd nêst skoalmasters en auto-didakten. Binammen yn de kriten spile it in rol. Biheind bleau dit forskynsel wol. De lju dy't meidiene rounen der út. It wie in ûntjowing dy't lyk-op gyng mei de politike demokratisearring. Liberalen kamen stadichoan op moai hege posten. It Selskip krige alris in boargemaster en in Steatelid ûnder syn leden (sj. s. 89). Nijsgjirrich is Van Loon syn libbensrin: Steatelid, siktaris fan Baerderadiel en doe lange jierren Deputearre. Under al dejingen dy't ta oansjen kamen is hy de man oan hwa't it Selskip fierhinne metten wurde kin; yn hwat it bistribbe en op it punt fan de grinzen dêr't it binnen operearre. By de oanwinnende macht fan it liberalisme koe it hast net oars of de romantyk fan it Selskip moast it bilije. Dy twa streamingen wiene forfrissele mar hearden út har aerd dochs net sa tige by mekoarren. De romantyk waerd it bêst oantsjut troch it byld dat Tiede Dykstra mear as ienkear jown hat fan âld-Fryslân as it ryk biladen skip dat sonken wie en dêr't de Friezen fan de eigen tiid noch út moasten sjen to rêdden hwat der to rêdden wie. It wie in tobeksjen, in idealisearjen fan de greatens, de suverens en de heroyk fan it forline. It liberalisme dêrfoaroer wurke mei in troch rede en frijheit moai biljochte takomstbyld. Der wie wurk to dwaen. ‘Wacht op onze daden’, rôp Thorbecke yn 1849. De rede stie heech oanskreaun en de fraech koe opkomme oft út in eachpunt fan soun forstân it oplibjen fan Frysk Fryslân to fordigenjen en oan to prizen wie. Hoe fier kaem men der mei? It binne fragen dêr't yn letter tiid Frysksinnige liberalen wolris mei yn de knoei kommen binne, wylst net- | |
[pagina 88]
| |
Frysksinnige liberalen der it antwurd op founen dat yn harren (Hollânske) kream to pas kaem. Ynearsten lykwols wiene de liberalen en de mannen fan it Selskip oan mekoarren forknotte as foarhoede dy't har rjochte ta it binefterbleaune folk. Mar wol is stadichoan de romantyske lading fan it Selskip forskronfele en hat de liberale komponint oan krêft woun. Lykwols, sûnder in rige romantyske biedwurden koe it dochs ek net, en dy soene wer oan krêft en ynhâld winne yn de tachtiger jierren doe't it liberale tij stadich bigoun to forrinnen. De spanning tusken it romantyske en it liberale elemint kaem al yn de earste bisteansfase fan it Selskip moai dúdlik út yn de forhâlding tusken oan 'e iene kant Harmen Sytstra en Tiede Dykstra en oan 'e oare kant Waling Dykstra. Waling Dykstra, dy't út in fromme rjochtsinnige húshâlding kaem hie al moai jong de ‘rede’ foar kar nommen boppe it ‘dogma’. As safolle renegaten hie hy der forlet fan om to bitsjûgjen dat dit winst wie en gjin forlies. Dat forklearret syn moralistysk en striidber liberalisme. Hy hat libbenslang hwat fan in preker yn him hawn en syn forhalen, hoe nuveraerdich en bryk bytiden ek, hiene hwat de strekking oangiet dochs altyd ek in bytsje fan evangelyske parabels. Sytstra en Tiede Dykstra dêrfoaroer hiene net de driuw om harsels to rjochtfeardigjen. Har wie it der om to dwaen de minsken wekker to skodzjen mei in fuleinich birop op it great forline fan de Fryske stamme. Wol wie der it mienskiplik stribjen de Fryske skriften to formearjen en to forrykjen, mar wy hawwe al sjoen dat it tagelyk net ûntbriek oan strideraesje; it gyng dêrby nammers net allinne tusken Harmen Sytstra en Waling Dykstra oer de stavering, mar ek tusken Tiede Dykstra en Waling Dykstra oer it literaire nivoGa naar eind30.. Yn de konkurrinsje tusken ‘Iduna’ en Waling Dykstra syn ‘Frysce Huesfrjeun’ (letter: ‘Frîske Hûsfrieun’) woun de ‘Huesfrjeun’ it yn ienfâld en folksaerdigens, ‘Iduna’ yn literaire earnst en romantyske oandienens. Koe ‘Iduna’ foar de ‘Huesfrjeun’ oer it earstberterjocht jilde litte, oars stie it mei it jierboekje ‘Swanneblommen’, dat it Selskip foar it earst yn 1850 útjoech en dat forskynde nêst de âldere ‘Bye-koer’, dêr't efter mekoarren H.G. van der Veen, Harmen Sytstra en Tiede Dykstra in jier har jier krêften oan jown hiene, ear't it, ek yn 1850, einslutend ûnder bistjûr kaem fan Waling Dykstra. Dan wie der ek noch de út it Genoatskip fuortkommen ‘Friesche Volksalmanak’, mar hwat dêryn stie wie foar it greatste part gjin Frysk. Alle Fryske útjeften moasten it hawwe fan in lytse, mar him stadichoan wol útwreidzjende keppel skriuwers en fan in biheind tal lêzers. It hat sûnder mis it wurk west fan it Selskip dat der romte kaem foar it Frysk. Yn dy romte hat lykwols de | |
[pagina 89]
| |
Waling Dykstra, in nijsgjirrige foto dêr't hwat yn ôf to lêzen is oer syn krêft en syn biheining. *
styl fan de by it libben fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra hwat fansiden steande Waling Dykstra de oerhân krige. Hy hat it woun: yn de stavering, yn it leverjen fan folkslektuer en yn it forbinen fan it Frysk stribjen mei de geast fan it moralisearjend liberalisme. Yn de ledelisten fan it Selskip komt de bân mei it liberalisme al gau ta utering. Yn 1850 lieten de juristen J. van der Veen en A.F. Jongstra har ynskriuwe, twa liberalen fan de earste ûre. Oaren folgen yn de jierren dêrop: mr. Philippus van Blom (soan fan Jan Gelinde), mr. Minne Bakker, boargemaster fan Wymbritseradiel en Jilles Klaasesz, boargemaster fan Westdongeradiel, en noch wol mear. Der wiene dochs wol fikse bressen sketten yn de Fryske bistjûrsaristokrasy, al wie it âlde grytmanstype noch fier fan útstoarn. As skaedkant fan de liberale koerts is wolris neamd de distânsje dy't dêrtroch it rjochtsinnich folksdiel wol nimme moast fan de Fryske biweging. It is in stelling dy't hwat akademysk oandocht; hwant feit is, dat einliken al fan de ôfskieding yn de tritiger jierren ôf fierder de hiele ieu troch foar de tsjerken yn har rjochtingsstriid de Fryske tael in ûngaedlik en dêrtroch licht as fijannich field medium wie. De tsjinstellingen spilen har ôf op Nederlânsk nivo en uteren har yn in tael dy't foar in great part ûntliend wie oan de yn it Hollânsk en net yn it Frysk oersette Bibel. Der wie gjin aparte Fryske bydrage en der wie ek amper in Frysk godstsjinstich idioom, al hie Gysbert Japiks him dêr wol op útlein. De generaesje fan Frysksinnige Genoatskipsdomeny's stoar stadichoan út. Fan dizze romantyske en ûndogmatyske keppel hat Rinse Posthumus noch libbe oan | |
[pagina 90]
| |
Titelpagina fan De Bye-koer, in jierboekje ûnder lieding fan Waling Dykstra, dêr't yn 'e rin fan de tiid hiel hwat folksskriuwerij in plak yn foun hat. *
1859 ta. Hy hie Shakespeare oerset yn it Frysk en Fryske fersen skreaun en faeks yn it Frysk preke as de synoade der net it near op lein hie. Hy wie liberael foar de tiid fan it liberalisme mar hat letter noch in rol spile yn de Aprilbiweging tsjin Thorbecke. Yn elts gefal hat it punt fan it Frysk op 'e kânsel by him libbe. It soe gâns in tiid duorje ear't dy kwestje wer aktueel waerd. De sahwat hûndertsechstich leden fan it Selskip oan de sawntiger jierren ta wiene genôch om der hwat mei to dwaen; mar it tal wie wer to lyts foar greate aksjes. Dêr't kriten wiene bistie de kâns de leden mear yn it Selskipswurk to biheljen en net-leden foar dat wurk to winnen. Sûnder de kriten hie it Selskip it op 'en dûr nei alle gedachten net rêdden, mar mei de kriten wie der gjin tinken oan de hege noarmen fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra to hanthavenjen. It wie al hiel hwat dat stadichoan de gewoane man syn Frysk wer achtsjen learde en ôf kaem fan it idé dat it in teken wie fan syn mindere rang. Dêr hawwe de kriten harres ta bydroegen. Foar foardracht en it sûnt 1860 opkommend toaniel wiene de kriten in hiel hwat gaedliker formidden as foar de forsprieding fan Iduna-geast en -stavering en it jin fordjipjen yn Harmen Sytstra syn spraekleare. Dy spraekleare hat Sytstra sahwat biskôge as syn libbenswurk, mar to bigripen en ta to passen wie se hast net, likemin as syn stavering. Oer it earste | |
[pagina 91]
| |
diel fan de spraekleare hat it Selskipsbistjûr foar it útjaen it bitinken frege fan dr. J.H. Halbertsma, mr. A. Telting, jhr. De Haan Hettema en l.û.-ynspekteur Behrns. Neffens de bistjûrs-notulen wie dat bitinken algemien gunstich, mar feitlik sloech dat alline op it respekt foar Sytstra syn wurk, net op de brûkberens dêrfan, dêr't binammen in man fan de praktyk as Behrns him nochal kritysk oer útliet. Rékommen is Sytstra net, it is bleaun by de Ynlieding fan 1854, de Klank- en skriftlear fan 1856 en it earste stik fan de Skriftlear yn 1862, it jier fan syn dea. It twadde stik is der dus nea kommen, en nimmen hat it mist. It wie in hwat trystige ôfsluting fan it earste tiidrek fan de folksromantyk: de lieder forstoarn en syn wurk allinne gaedlik foar bibliotheken. Harmen Sytstra wie 45 jier by syn forstjerren. Hy hie yn Baerd, dêr't Van Loon him as skoallehaed hinne helle hie, in swiere sile to lûken hawn: in sike frou, in soan forlern, jildkrapte en noch wol oare tragyk en argewaesje. Tiede Dykstra folge him in moanne letter yn it grêf; dy wie mar krekt 42 wurden. Waling Dykstra, mar in jier jonger as hy, hie doe noch in heale ieu foar him. |
|