Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Folksromantyk en liberalismeFrysk-nasionael fielen - It Selskip fan 1844 - Harmen Sytstra en Tiede Dykstra - It Frysk as fiertael - De lytse man komt op.De stúdzje fan de âlde Fryske wetten, dy't yn 'e earste helte fan de njoggentjinde ieu wer op gong kaem, joech ek ryk materiael oan de filology. Boppedat learde dy stúdzje wer ris hoe't in great part fan it âlde Fryslân bûten de provinsje en sels bûten Nederlân lei. Foar it Genoatskip wie dat fansels gjin nijs, mar it hie dochs net folle dien oan it lizzen fan forbiningen mei de stambruorren om utens. Wol wie der al gau kontakt mei de Noardske lannen dêr't universiteiten bistiene en de filology bioefene waerd. En om't Sleeswyk-Holstein, dêr't Noardfryslân in part fan wie, doedestiids forboun wie mei Denemarken yn in personele uny, wie dat diel fan Great Fryslân lâns in omwei dochs wol by de Genoatskips-minsken yn de bilangstelling kommen. It wie in bilangstelling fan binammen taelkundige aerd, dêr't de gelearde Rasmus Rask mei syn ‘Frisisk Sproglaere’ (boud binammen op it Noardfrysk) net sa'n bytsje ta bydroegen hat. Rask syn briefwiksel mei Halbertsma, Posthumus en Hettema briek ôf meidat er jong stoar (1832). Hettema (letter De Haan Hettema) hat fan de Sproglaere in oersetting makke. Dizze jurist hie faeks noch mear niget oan 'e tael as oan de ynhâld fan de âlde wetten dy't hy sammele en útjoech. Fortsjinstlik wurk is dat grif, mar it kin net munsterje tsjin de ‘Friesische Rechtsquellen’ fan de Silesyske edelman Von Richthofen (1840). De twa hearen wiene nammers mear mekoarrens konkurrinten as bounsmaten. Romantikus en nasionalist wie De Haan Hettema as amper ien fan de âldere generaesjes. En romantysk wie ek de reis dy't hy en Rinse Posthumus yn 1832 ûndernommen hawwe nei it Sealterlân, dat nijsgjirrich isolearre stikje Fryske groun súdlik fan Eastfryslân, dêr't it Frysk him hanthavene hat tusken it ‘Platt’, dat folkstael wurden is yn it gebiet tusken Iems en Jade. It forslach fan dizze reis is útjown yn 1836: in soarte reportaezje mei in aerdich taelkundich en folkskundich oersjoch en hwat omballingen fan minder wearde; in boek dat yn elts gefal it bistean fan in stikje Frysk taelgebiet moai fier ôf yn in rommer krite bikend makke hat. It hie ek in sykjen west nei it oer-Fryske elemint ûnder gewoane minsken; folksromantyk, dêr't it Genoatskip net oan ta kaem. Folksromantysk wie ek it literaire wurk fan de Halbertsma's. ‘De Lapekoer fen | |
[pagina 66]
| |
Jhr. Montanus de Haan Hettema, kenner fan de âlde Fryske wetten, warber man en ûnnoflik
hearskip út de tiid fan de Fryske romantyk. **
Gabe Skroar’ wie yn 1836 al mei 500 siden yn de tredde printinge útkommen. It wie lektuer mei de distânsje fan skriuwers, dy't net perfoarst propagandisten wêze woene, of moralisten, of grapmakkers, en dy't har erudysje fakentiden wol útkomme lieten; mar it wie dochs ek in spegel dêr't it Fryske folk mei syn lange skiednis en âlde tael himsels yn sjen moast as in bisûnder folk troch de út it forline oerkrigen geast fan frijheit en oare deugden en talinten. Nammers wie fan it Genoatskip ek wol hwat útgien, binammen ûnder dejingen dy't ris in krante of in brosjuere liezen. Sa wie linkendewei it Frysk-nasionael fielen bigoun him to ûntjaen yn in rounte dy't fierder rikte as it Frysk Genoatskip. De romantyk hie lang in streaming west ûnder de hegerein en wie dêr yn 'e stokken holden troch de deugdkultus mei syn sielkundige eftergroun fan it goede oan de mindere man foar to hâlden en tagelyk dy mindere man op syn plak to wizen. | |
[pagina 67]
| |
Twa krêften ûndergroeven de maetskiplike oarder fan it Willem I-tiidrek yn Fryslân: it opkommend liberalisme en de frijheitsideology, dy't de Fryske biweging wer opreakele hie. It wie dy ideology, dy't oan 'e emansipaesjedriuw yn Fryslân in aparte kleur joech. De nije generaesje fan minder bifoarrjochten, dy't har plak opeaske, forsmiet de deugd biliven net. Mar hja seach dy wol graech as hwat oars as in ding dat heech foarhold oan leech foar syn wolwêzen. Wie heech sels wol sa deugdsum? Yn elts gefal wiene jild en hege steat noch gjin deugd, likemin as it domenysamt op himsels boarge foar deugd. Hjir komme al inkelde typyske eleminten oan it ljocht fan it liberalisme fan de lytse man dy't de hiele fierdere ieu to fornimmen bliuwe sille. Der rint in tried nei de idéen fan de patriottetiid; mar der wie ek in great forskil. It liberalisme pretendearre nije wegen to wizen, wylst de opstannigens en reboeljes fan de foarige ieuwen altyd as eftergroun hawn hiene it stribjen nei in weromkrijen fan in frijheit dy't yn earder ieuwen bistien hawwe soe mar troch tadwaen fan de reginten yn it leech rekke wie. It liberalisme tsjinne him oan as de rjochting dy't nei de takomst seach en net nei it forline; as de foarútgong, lyk as dy him yn de technyk al sa dúdlik opponearre. De folksromantyk, dy't yn 1844 yn it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse in sammelpunt foun, hat fan it bigjin ôf in dúdlike liberale komponint hawn, mar kin dochs allinne forstien wurde troch dy yn forbining to sjen mei de oare komponint, de Frysk-nasionale. It Selskip fan 1844 fortsjinwurdiget in nijsgjirrich stik Fryske emansipaesje. De gewoane boargers en binammen de heal-yntellektuelen presentearren har. De doarpsskoalmaster, de lytse boarger mei niget oan skriften en ûntwekke gefoel fan eigenwearde, hja founen nou in formidden dêr't hja wolkom yn wiene en dêr't hwat fan harren forwachte waerd. It tiidrek fan politike godsfrede, dat tagelyk ien wie fan stillens en deadskens, roun op 'n ein. Yn de nije ûntjowing wie it Selskip, hoe lyts it yn 't earstoan ek wie, dochs in sintrum fan Frysk selsfielen, in sintrale fan folkspropaganda en in boarne fan bimoediging fan minsken dy't yn dit sobere lân wol hwat nasionalistyske prikels nedich hiene om fan har eigenwearde oertsjûge to bliuwen. De skiednis fan it Selskip is moai wiidweidich biskreaun yn it yn 1949 útkommen tinkboek nei oanlieding fan it hûndertjierrich bistean. In stik briefwiksel fan de oprjochter mei taljochtingen en in wichtige ynlieding hawwe J.H. Brouwer en J.J. Kalma yn 1962, doe't it hûndert jier lyn wie dat de twa pioniers Harmen Sytstra en Tiede Roels Dykstra forstoarn wieneGa naar eind13., útjown. Der bistiet in nijsgjirrich forbân tusken maetskiplike en politike tastannen oan 'e iene en it ta libben kommen fan de folksgeast | |
[pagina 68]
| |
oan 'e oare kant. Brouwer en Kalma lizze de klam dêrby op de skok dy't de fordwining fan it atheneum to Frjentsjer (1843) jown hat; of better sein faeks, op de ûntdienens dat it sa stil en ûngemurken barde. It feit fan dy sluting is wol in djiptepunt yn 'e 19e-ieuske skiednis fan Fryslân. Mr. A. Telting hat in fûleinich forwar hearre litten en it Frysk Genoatskip hat yn in deftich brief bisocht, it ûnheil foar to kommen. Mar fan in weach fan lulkens yn Fryslân hat gjin sprake west. In great stik skuld siet nammers ek yn Ljouwert om't it provinsiael bistjûr der net oer prakkesearre de kosten fan noch gjin hûnderttûzen yn it jier, dêr't it Ryk yn syn jildpine net mear foar opkomme woe, op him to nimmenGa naar eind14.. De bitsjutting fan it atheneum lei net yn de heale oplieding dy't it joech oan in lyts tal studinten, mar yn de kâns om wer de âlde rang fan universiteit to krijen. De geastlike forearming dy't de sluting foar Fryslân bitsjut hat is net to skatten, mar yn elk gefal ûnwittend great. It wiene ûnrêstige tiden. De heal twongen liening fan minister Van Hall, dêr't de kaptaelbisitters sa oer bearden en mâltjirgen, brocht wer hwat jild yn kas, mar it atheneum kaem net werom en de hiele finansiële operaesje hie it keninklik gesach der net greater op makke. It ûnheil fan de jierren dêrop troch de ierappelsykte en in mislearre roggerispinge brocht noch wer in oar diel fan it folk yn biweging. De oprjochting fan it Selskip sil wol sjoen wurde moatte as in stikje folksûntweitsjen yn de hiele rige fan forskynsels dy't de ûntbining fan it persoanlik biwâld fan de kening biselskippen. It slútstik wie de liberale omkear fan 1848, dy't de feitlike macht oerdroech oan regear en parlemint en in ein makke oan de stannefortsjinwurdiging. Oprjochters fan it Selskip binne Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon. Fan harren litte Dykstra en Sytstra (hy skreau him earst Zijlstra) de dúdlikste merktekens sjen fan it romantysk laech. De iene in noch foar healwei opholden studint en de oare in skoalmaster-autodidakt (as bakkersfeint bigoun), stiene hja mei har kennis, har doarmjen yn de Germanistyk en har konsekwint Fryske libbenshâlding op in plak dat maetskiplik net heech wurdearre waerd. Yn har libben ek de dream en de wémoed, dy't sa typearjend wiene foar de Dútske romantisi út it bigjin fan de ieu. Har talinten fortsjinje heech taksearre to wurden, mar neffens de gongbere klassemorael hie Tiede Dykstra syn stúdzje ôfmeitsje moatten en hearde Harmen Sytstra to bitinken dat hy as skoalmaster net út in to heech gat blaze mocht. Dykstra wie ek lid fan it Genoatskip, dêr't er mear as ienkear lêzingen foar holden hat (û.o. oer de Gudrun-sêge), mar Harmen Sytstra hat dêr nea ta biheard; en neffens de geast stiene hja op | |
[pagina 69]
| |
It earst ‘twamanskip’ yn de Fryske biweging: Harmen Sytstra (l.) en Tiede Dykstra (rj.)
Jacobus van Loon, de tredde man fan de oprjochters fan it Selskip, miste de romantyske fjurrigens fan de beide oaren en soe pas yn rêstiger tiden mear nei foaren komme. De kwaliteit
fan de portretten hâldt net oer, mar oare binne der net. De fotografy bigoun har pas nei de fyftiger jierren hwat to ûntjaen. *
in oar podium as de wenstige Genoatskipsman. De minsken dy't hja sochten foar har Selskip wiene de biwuste Friezen, minsken dy't tael en letterkunde bioefenje en bifoarderje woene en ek ré wiene de Fryske tael rounom to brûken. Der siet lykwols noch wol hwat mear efter, al stiet dat net sa dúdlik yn de Selskipswetten. Yn syn brieven hat Tiede Dykstra it hieltyd oer de ‘Fryske sede’. Hwat dêr krekt ûnder forstien wurde moat lit him ek min omskriuwe; mar der soe tocht wurde kinne oan de wurden, dy't mr. A. Telting oan de forstoarne mr. Jacob Roorda wijde (sj. s. 58) of oan de neffens J.H. Halbertsma yn it Fryske wêzen biwoartele driuw nei frijheit en rjocht en faeks ek oan de strange earberens dy't Tacitus de Germanen taskriuwt. Negatyf omskreaun hâldt de Fryske sede yn elts gefal wjeraksel tsjin útwrydskens en in forachtsjen fan ‘bastertskaei’ yn. De gearkomste dêr't it Selskip formeel yn ta stân kaem, is holden op sneon 14 septimber 1844 yn ‘Het Gouden Wagentje’ oan 'e Nijstêd to LjouwertGa naar eind15.. Tiede Dykstra hie alles goed taret. Al op 8 septimber hied er Harmen Sytstra skreaun dat it Selskip der wie en dat de woansdeis (de alfte dus) in bistjûr en in kommisje foar in bioardieling fan to printsjen stikken oanwiisd wurde soene. Ek it reglemint soe dan op papier stean moatte; ynearsten yn it Hollânsk, mar in kommisje moast it dan letter yn goed Frysk oerbringe. De gearkomste fan de fjirtjinde wie sadwaende net | |
[pagina 70]
| |
mear as in slútstik; in soarte presintaesje. In swide presintaesje wie it nou just net; seis man mar wiene der yn it sealtsje, mar der wie tasizzing fan noch acht mear. Dykstra waerd ‘presidint’, J. van Loon skriuwer en C. Koopal ‘thesaurier’. Harmen Sytstra kaem yn 'e kommisje fan (literaire) bioardieling, mei A. van Andringa. Fan dizze kommisje makken ek foarsitter en siktaris diel út. Fjirtjin man, en hoe great wie it doel? Op papier net mear as bifoardering fan de Fryske skriften troch selswurksumens en oantrúnjen. It wie in tige biskieden delslach fan tinzen en fielings dy't der moai fier boppenút rikten. Hwant by minsken as Dykstra en Sytstra wie de tael folle mear as in middel fan mounlinge en skriftlike kommunikaesje. De Fryske tael, sei Tiede Dykstra dêr yn ‘Het Gouden Wagentje’, wie ûnforbrekber forboun mei it Fryske wêzen; mei siel en sede fan it folk. Gyng de tael forlern, dan wie it ek út mei alles hwat de Friezen ûnderskaette fan oare folken. It Frysk Genoatskip lei de klam mear op de skiednisstúdzje as op 'e taelstriid; syn omgongstael wie nammers it Hollânsk. De jongerein moast nou yn 't spier foar it Frysk en de forhollânsking opkeare. De romantyk is yn it hiele barren to taesten en to priuwen: de lytse rounte fan jonge minsken dy't har mei in Frysk ideael út de deadskens fan de tiid en de ûnforweechlikens fan de maetskiplike hiërarchy (dêr't it Genoatskip sa goed yn paste) losmakken. Hwa hoede noch de tael yn Fryslân? Mar it gefoel bistriek noch wol rommer fjild. By it forbân, dat Brouwer en Kalma lizze tusken de ûndergong fan it Frjentsjerter atheneum en de oprjochting fan it Selskip, moatte hja binammen tocht hawwe oan Tiede Dykstra en Van Loon, by hwa't as âld-studinten de ûnnoflikens dêroer as gefoelsargumint ek fan bitsjutting west hat. De namme ‘Selscip foar Frysce Teal in Scriftekinnisse’ stiet boppe it Frysk reglemint dat op 26 juny 1845 fêststeld is. It tal leden wie ûndertusken tweintich wurden, en it wie doe tiid foar it oanfreegjen fan keninklike goedkarring om't sûnder sa'n ‘concessie’ (it wurd is fan Tiede Dykstra) gjin gearkomsten fan tweintich en mear minsken holden wurde mochten. De folksfrijheden wiene doe, foar de grounwet fan 1848, noch krap bimetten. Adfys fanwegen de kening waerd net allinne frege oan de gouverneur, mar ek oan it Frysk Genoatskip. ‘Uws request hat ien rare swaei nomd’, skreau Dykstra oan Harmen Sytstra, hwant dit wie fansels net de wenstige wei. It hat der alles fan dat yn hofrounten tocht is hwat dat dêr soe yn Fryslân, nou't der dochs al sa'n weardich en sulverskjin Genoatskip wie. It Genoatskip hat lykwols in gunstich bitinken jown; it wist tige goed hwer't it sels yn tokoartkaem. Yn de hjerst fan 1846 kaem de keninklike goedkarring ôf. Tiede Dykstra lies it yn 'e krante foar't er | |
[pagina 71]
| |
De keninklike goedkarring fan it Selskip-1844, datearre 29 septimber 1846. Den Haech hie it ‘request’ foargoed ûndersocht en it hie dêrom in moai skoft duorre ear't it Selskip ‘de vereischte vergunning en magtiging’ krige. *
| |
[pagina 72]
| |
der sels tynge fan hie. It ‘request’ hie fyftjin moanne ûnderweis west. Kultuer-histoarysk moat it Selskip sjoen wurde as in fuortsette fase yn in biweging dy't al bigoun is him to opponearjen foar de Frânske tiid. It Selskip stammet ôf fan it Genoatskip. De yndieling yn gewoane, arbeidzjende, eare- en bûtengewoane leden is moai krekt deselde as by it Genoatskip. De radikalens fan it Selskip bistie binammen yn it oannimmen fan it Frysk as fiertael. It wie in stap dy't yn dy tiid einliken allinne liberalen yn net to hege posysjes har permittearje koene en dy't foar it maetskiplik libben sa daliks noch net safolle to bitsjutten hie. It is op dit punt dat it Selskip bigjint hwer't it Genoatskip syn grins foun hie, om't it in dúdlike oantaesting bitsjutte fan it sosiael patroan lyk as dat him yn it taelgebrûk manifestearre: hoe heger, hoe Hollânsker; hoe leger, hoe Frysker. In opstribjend laech bigoun de omgongstael to kultivearjen en dêrtroch to meitsjen dat it nei boppe kommen yn de maetskippij wolris earder liede koe ta forfrysking as ta ûntfrysking. Der siet dúdlik in omkearing fan de forhâldingen yn: ynsté fan in teken fan ûnderdienigens drige it sprekken fan de Fryske tael in biwiis fan ynfierenheit en selsbiwustens to wurden. En yn de ienheitssteat hold dat fan it bigjin ôf de kjimmen yn fan in konflikt. It tal arbeidzjende leden fan it Selskip wie earst lyts; oan 1847 ta mar trije: Tiede Dykstra, Harmen Sytstra en Jacobus van Loon. Nou hie Dykstra ek net in greate kearn op it each; yn syn eardere brieven hied er it oer in lyts tal minsken dy't mekoarren har literaire wurk tastjûre soene en dêroer har bitinken jaen. Mar hy hie wol yn 'e rekken dat it him sûnder printsjen net waerd; en de kommisje fan bioardieling hie dan ek it dúdlik doel dêrta de stikken to hifkjen en to skiftsjen. Yn 1847 kamen der as arbeidzjende leden by de mei-oprjochters Arjaan van Andringa, amtner op it provinsjehûs, Y. Tulp, ‘master yn it Frânsk, Ingelsk en Dútsk’, mar ek boekhâlder by de ryksfinzenis to Ljouwert, en Waling Dykstra dy't him noch net sa hastich by it Selskip oansletten hie, mar fan hwa't Tiede Dykstra al oan Sytstra skreaun hie: ‘dy krije wy wol’. En mei gauwens fortoant de list fan arbeidzjende leden mear bikende nammen: H.G. van der Veen (1849), Gerben Colmjon (1850), Wynsen Faber (1850), Jan Gelinde van Blom (1851), P.G. Bleeksma en Tsjibbe Gearts van der Meulen (1852). It earste wurkje fan it Selskip kaem út yn augustus 1846. It wie Harmen Sytstra syn lêzing mei de lange titel: ‘Hwet habbe da Frysce scriûers yn acht to nimen end hwet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om us tael to biforderjen?’, dy't er in jier earder yn de algemiene gearkomste fan it Selskip holden hie. Nijsgjirrich is dit boekje om mear as ien reden. | |
[pagina 73]
| |
‘Hwet habbe da Fryske scriûers yn acht to nimen...’, it earste printwurk, dat it Selskip útjoech. It is Harmen Sytstra syn nijsgjirrich program oer tael en stavering. *
It bigjint al mei it foaropwurd, dat koart it doel fan it Selskip omskriuwt en dan seit: ‘Nimmen mat dit selskip forwixelje mei th' Friesch Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde. De leden derfon, werby wy ús nawt forgelykje dòre, habbe én fulle greater krite, én fulle heager bistimming’. Ut sa'n rigel blykt dat it Selskip syn eigen striidposysje op dat stuit noch net sa goed koe en ek hoe goed de Selskipslieding sels noch wol heech fan leech ûnderskaette. Fierder geane ynlieding en lêzing foar in part oer de stavering dy't noch in rige fan jierren in hjit hangizer bliuwe soe. De ynlieding seit: ‘Elts scil syn eigen boekstavering, sa fulle hit kin, halde leten wirde yn da fon da | |
[pagina 74]
| |
selscip útkommende stikken, mar sa fulle dwaenlik sil ma yn elts útjown wirdend wirkje ien spellingswise folgje’. It kostet net folle muoite om to sjen dat al yn dit earste wurkje fan dy iene spellingswize mar in bytsje torjochte komt. Wol is al it stribjen to fornimmen, yn de stavering oansluting to finen by de skriuwwize en nammers ek by de forfoarming en de fallen fan it âldfrysk. En dêrfoar is it dat Sytstra yn de lêzing fûleinich yn 'e pleit giet. Skriuw, seit er, it Frânsk of it Ingelsk mei Hollânske boekstaven en bigryp dan dat Frânskman noch Ingelskman op dizze wize út har eigen tael wiis wurde kinne. De Friezen bigripe neat fan de tael fan har âlde wetten om't har hjoed de dei gongbere stavering alhiel forhollânske is. It is fansels wol sa dat de talen stadichoan foroarje, mar de tsjinwurdige Hollanners hawwe dochs gjin muoite, de stavering fan Melis Stoke en Jacob van Maerlant to bigripen. De miening fan Sytstra is: ‘Mei ynachtnimming, ho da Friezen oannath Hollondsk forwend benne, end mei 'th each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath âld-Frysk seis da wetten foar hiar spelling siikje’. Hwer't hy hinne wol is greatere kennis fan de Fryske ‘klassiken’, dêr't de skriuwers net allinne de goede stavering yn fine kinne, mar ek de âlde goede tael sels en dêrtroch de middels om it Frysk syn odium fan boersk to ûntnimmen en de frjemde kenners fan it âldfrysk der fan to oertsjûgjen dat de Fryske tael sikerwier noch libbet. Oer dit forhael fan Sytstra leit de romantyk, foarsafier't dy bistiet út it forwizen nei it forline as de boarne fan al it wiere, it edele en it suvere, tsjok hinne. Mar it oare sit der dochs ek wer yn: de emansipaesje fan de lytse man troch de forheging yn rang fan syn tael. En Sytstra wie mei al syn talinten sels in lytse man dy't yn 'e tiid dat hy syn lêzing hold, sa'n bytsje húsûnderwizer spile by in Arumer fédokter en in jier letter, doe't er master wie oan de Frjentsjerter earmeskoalle mei in traktemint fan 150 goune jiers, noch bisocht hat in baen to krijen oan de moarddiedige kust fan Guné. Lit ús de mannen fan de earste ûre nochris bisjen. Fan harren wie Sytstra fierwei de opmerklikste: man fan singuliere talinten mei in pear wylde hierren, dêr't er syn biskermers mear as ienkear mei ta forwezenheit brocht. ‘It jild roun him tusken de fingers troch’Ga naar eind16.. Doe't er yn 1842 yn Seisbierrum foar de klasse kaem to stean, hied er (as bakkersfeint) al de Lapekoer-eftige ‘Tsien tuwsen úwt de lottery’, in blijspul yn fersen en in bondeltsje Fryske sankjes (mei T.R. Dykstra) op syn namme stean. Ut en troch stroffeljend forrepte er him fierder op in ûnderwizerspaed, dêrby de iene rang nei de oare heljend, mar sûnder it odium kwyt to reitsjen dat der in stekje oan him los wie. Hy bliuwt in wûnderaerdige forskining yn in | |
[pagina 75]
| |
Blau-mandeiskrante, ier printe wurk fan Harmen Sytstra. It binne petearen yn de Lapekoertrant. *
deadsk en deugdsum tiidrek, mei syn bohémien-eftige oanslaggen, syn lege ponge en de holle, fol plannen en idéen, iderkear wer opheevjend boppe foaroardiel, banalens en earmoed. It is amper to bigripen hoe't hy it oprêdde om ûnder de ûngaedlikste omstannichheden him in rige fan talen (hwerûnder latyn) moai aerdich oan to eigenjen. Tagelyk wie hy ek noch in rekkenmaster dy't, as dat sa útkaem, in goede stjerrekaert tekenje koeGa naar eind17.. Mar ek Tiede Dykstra moat net ûnderskat wurde. Allinne al it feit dat hy de talinten fan de bakkersfeint Harmen Sytstra daliks skerp taksearre hat, hâldt foar him in goed tsjûgenis yn. Dizze twa hawwe mekoarren sûnder ûnderbrekking tige nei stien, oan harren iere dea yn 1862 ta. Yn Dykstra libbe de ûnrêst fan de foroarjende tiden. Hy joech net folle om konvinsjes en is mei rûzje fan it Frjentsjerter atheneum, dêr't er rjochten studearre, nei Grins rekke dêr't er it net lang útholden hat. Hwerom't er rjochten studearre, is net dúdlik: hy wie in tale-man by útstek. Der is by him in greate distânsje tusken dream en died. Yn in lang briefGa naar eind18. hat hy ris oan syn freon J. van Loon forteld hwat hy allegearre woe. Net sa'n bytsje: noch itselde jiers (it brief wie fan 12 maert 1843) syn kandidaets rjochten, it jier dêrop syn doktorael, trouwe en him dan smite op de skiednis fan Fryslân. En hoe! ‘Geografie, Mythologie in verband met de Ger- | |
[pagina 76]
| |
maansche en Skandinavische, Antiquiteiten, Letterkunde en vergelijkende Taalkunde, deze laatste omvattend alle de talen die men gewoonlijk onder den naam Germaansche en Skandinavische takken begrijpt (en waaronder dus buiten anderen te brengen zijn in het IJslandsch, Angel-Saksisch, Oudfriesch, Zweedsch, Deensch, Moesogotisch, al de oudere Duitsche dialecten, oud-hollandsch, Vlaamsch enz. enz.) het Perzisch en het Sanskrit hoe hoogstnoodzakelijk ook daar bij te nemen durf ik mij niet vermeten’. Dat wie de dream. De wierheit skreau hy trije dagen letter oan Harmen SytstraGa naar eind19.. ‘Ik sykje om it ein fen myn studint weazen. 't Forfeelt my danich’. Wol skreau hy der by: ‘... dan wol ik my alhiel oerjaen om Frieslâns skiednisse fen de aldste tiid oaf yn 't friesk to biscrieuwen. Dat scil tiid in wirk kostje mar wy scille sjen’. Farwol dus Grins, farwol eksamens. It is wier: in great doel bleau. Mar it libben stelde ek syn hurde easken. Dan is der ek noch Jacobus van Loon. Yn it trijemanskip dat him yn de briefwiksel fan it jier 1843 bigoun ôf to tekenjen, forskynt hy al as net de hastichste en de fûleinichste. Dochs hearde hy der wol mei hiel syn hert by. Ek yn him libbe in krêftich Frysk nasionalisme; ek hy waerd bisiele fan in romantysk libbensgefoel. Mar it greate forskil mei de beide oaren wie dat hy him mear boun fielde oan de maetskippij. Der siet fan it bigjin ôf yn him in politikus en de kunst fan it mooglike hat er ek yn syn Frysk stribjen altyd foar eagen holden. Troch syn panwurk yn Húns wie hy wis fan in goed boargerlik bistean en dat makke dat hy minder as Tiede Dykstra yn syn oansjen de gefolgen ûnderfoun fan in ûnfoltôge stúdzje. Syn freonskip mei Tiede Dykstra is nammers bigoun yn har Frjentsjerter jierren. Typearjend foar him wie dat hy yn it Hollânsk briefke: mei Tiede Dykstra op in libbene wize, mar mei de fierder fan him ôfsteande Sytstra hwat stiif en mei in dúdlike distânsje. Tiede Dykstra hat wol witten dat foar in foriening as hy yn 'e holle hie ek in hwat rêstich man as Van Loon ûnmisber wie. Hy skreau Van Loon op 7 augustus 1843: ‘Zijlstra en ik hebben een verbond gesloten en ik wil er u bij hebben ad majorem patrii sermonis gloriam’Ga naar eind20.. Antwurd fan Van Loon: ‘Van verbonden en verdragen houd ik niet, want men ziet in de wereld hoe slecht ze worden nagekomen... Gij zult geen weigerend antwoord ontvangen, ik kan geen toestemmend geven’Ga naar eind21.. It hat doe even stûke mei Dykstra syn plannen, mar it jier dêrop hat Van Loon mei oertsjûging meidien. Letter soe hy de langjierrige foarsitter wurde, in foaroansteand man ek as lid fan Deputearre Steaten, en mei in trou sa't dy einliken allinne to finen is by minsken dy't troch hwat distânsje en gefoel fan betreklikheit wapene binne tsjin tobeksetten en tsjinstuiten. |