Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 54]
| |
De bihearske romantyk IIIt bisiik fan Bowring: biweging yn de stille fiver - J.H. Halbertsma as driuwende krêft - Opkommend liberalisme - It Genoatskip fan de tael nei de terpen.Feitlik is it Genoatskip oprjoehte yn de tiid fan foroaringen, al woe Noardnederlân dy foroaringen ynearsten mar min sjen. Doe't yn 1828 de boargerlik-radikale Ingelskman John Bowring op in hannelsmisje yn Nederlân en ek yn Fryslân kaem, wie hy foar de minsken fan it Genoatskip en fan Constanter allinne mar de romantyske kenner fan talen. In taelfenomeen wied er yndied en ek in man mei, yn goed-romantyske styl, tige niget oan folksaerd en folksgebrûken. Hy wie in joun to gast op Constanter en waerd fuortdaliks as earelid oannommen. Ek bisocht hy dr. E. Halbertsma yn Grou en ds. Posthumus op dy syn Waeksemer terp. It bisiik hie in oanfiterjende wurking op folle Friezen, om't dizze foaroansteande soan fan de doetiids machtichste Europeeske naesje mei syn heechskatting fan Fryslân en syn kultuer harren ynienen loek op in ynternasionael nivo, wylst hja dochs yn it eigen Nederlân net sa bot telden. Bowring, al gau ek honorair lid fan it Genoatskip, brocht fierder forbiningen ta stân tusken it Genoatskip en Ingelske gelearde rounten; fan gefolgen kamen ek de heechlearaers Ingram en Connybeare út Oxford en Price út Bristol op 'e honoraire ledelist. It bisiik fan Bowring is gauris forlikene mei dat fan de taelgelearde Franciscus Junius oan Gysbert Japiks sa'n foech twa ieuwen earder. En de namme Junius kaem yn safier ek op it aljemint om't Bowring kopyen ûnthjitte fan de hânskriften yn de forneamde Bodleyaenske bibliotheek to Oxford dy't Gysberts bisiker doe út Fryslân meinommen hie. Dat ûnthjit is hy letter neikommen. Sa lang wie alles wol moai en goed, mar de neisleep fan dit bisiik wie dat netGa naar eind5.. Bowring, dy't fan hiel hwat merken thús wie, skreau yn syn eigen lân net allinne oer Fryske literatuer, mar bisûndige him ek oan hwat rûge journalistike reisforslaggen. Dêrmei binammen joech er him nochal bleat; der kaem krityk op en hwat dalje. Mar it feninige stik ‘rakende den heer J. Bowring’, dat mei de ûndertekening S.S. forskynde yn de ‘Vaderlandsche Letteroefeningen’, like der dochs moai fier by troch. It wie einliken daliks wol dúdlik dat de skriuwer min in oarenien wêze koe as J.H. Halbertsma. It is net it bêste stik dat hy ea skreaun hat; en it liket gjin al to dryste ûnderstelling dat it binefter bleaun wie as Bowring syn reisprogram | |
[pagina 55]
| |
Tekene portret fan John Bowring, Ingelsk talekenner, sakeman en politikus. Yn Fryslâan mei
jûchhei ynhelle, hat er it hjir letter lilk bidoarn mei de side fan de Belgen to kiezen yn de opstân
fan 1830. *
| |
[pagina 56]
| |
folslein útfiere kinnen hie. Mar de man moast troch famylje-omstannichheden hommels werom, hwertroch fan syn reis nei Halbertsma yn Dimter neat kommen wie. Der is net folle dat Halbertsma sa yn it krop stike hat. Moai grif hie hy, dy't tofoaren Bowring op dy syn forsyk wiidweidich skriftlik oer Fryslân ynljochte hie, him fan dy syn bisiik in soad foarsteld. Foar syn grimmitigens foun hy in motyf yn hwat Bowring skreaun hie oer de nocht fan de Grouster boeren oan katkneppeljen, in forhael dat syn oarsprong foun yn in forkeard bigrepen meidieling fan dr. Eeltsje oer de bynamme fan de Jirnsumers. Dat wie nou just net sa'n bêst stikje journalistyk fan de Ingelskman, mar it slimme yn Halbertsma syn artikel wie dat dêryn net allinne Bowring min makke waerd, mar dat ek dejingen dy't him hoaid en troaid hiene in fikse feech krigen. Domeny Rinse Posthumus en ek J. van Leeuwen, dy't Bowring nei Grins biselskippe hie, koene dat mar ta har nimme en dêr wiene hja perfoarst net ré ta lyk as blykt út brieven dy't hast geane oant it punt fan it ôfbrekken fan alle freonskipGa naar eind6.. Forkuolle liket dy freonskip wol even om't it tajaen fan ûngelyk net sa tige yn Halbertsma syn aerd lei. Dochs is it mei dit hiele trelit fierder nuver gien. It spile him ôf yn 1829; it jier dêrop folge de Belgyske opstân en ôfskieding, en Bowring makke der gjin geheim fan dat hy stie oan 'e kant fan de revolusionairen. Hy wie net allinne in taelkenner mar ek in liberale foarstanner fan de bifrijing fan de folken út it absolutistyske of heal-absolutistyske biwâld dêr't hja nei de Frânske tiid ûnder torjochte kommen wiene. It waerd nou tige dúdlik dat der noch in oar soarte romantyk wie as Walter Scott sines, der wie ek de romantyk fan de non-konformistyske dichter lord Byron, dy't stoar by Missolonghi yn de Grykske frijheitsoarloch, en fan de lyrikus Shelley dy't alle politike en godstsjinstige konvinsjes forsmiet en yn hwaens fers ‘Peterloo’ it fûle ritme fan de revolúsje to biharkjen wie. Sa fier as hja gyngen, gyng Bowring net, mar fier genôch om nei 1830 yn Noardnederlân to jilden as in troch de koer fallen man. Yn dit lân achten de minsken harsels sa rêstich, sa bisteklik, sa forstannich; hja koene net bigripe hoe't sa'n Ingelskman nou efter de mûlripe, ûnbitroubere en wiffe Belgen stean koe, dat folkje dat sûnder birie de djûre godsfrede ûnder it auspisium fan de ‘deugdsume’ kening Willem I brutsen hie. Constanter skraste Bowring daliks as eare-lid en yn it Genoatskip sakke syn stjer gâns in ein. Halbertsma like glorearje to kinnen. Hy hie de man dochs mar goed trochsjoen hawn. Hy hie him ûntmaskere, doe't eltsenien noch fier mei him weiroun! Mar Halbertsma wie alhiel net forgulde mei dy gloarje. Hy wist fansels bêst dat hy in hwat smoarch stik skreaun hie. Hy wie gjin | |
[pagina 57]
| |
freon fan kening Willem I, dy't hy yn in hânskrift ‘het hoofd van alle farizeeuwen’ neamt; de man hwaens ‘dwaze politiek’ him België forlieze litten hie. Oer Halbertsma as federalist sil letter noch hwat sein wurde. Yn elts gefal koe hy just as federalist de Belgen wol bigripe en wie hy it fierhinne mei Bowring iens. En sa hawwe hja har stadichoan formoedsoene: Bowring en de man dy't de reputaesje hie syn fûlste tsjinstanner to wêzen. Mar dat is pas oan it ljocht kommen út de letter tagonklik wurden briefwiksel. It trelit-Bowring moat sjoen wurde yn it ljocht fan de fuortgeande liberale ûntjowing yn Europa, dêr't de revolúsjes yn Frankryk en België sokke dúdlike tekens fan wiene. De revolúsjes wiene yn haedsaek it wurk fan opstribjende boargers dy't har yn har plak en oansjen bikronken fielden. Yn Nederlân, dat ekonomysk dúdlik by België binefterbleaun wie, ûntbriek ynearsten noch de maetskiplike laech dy't it tsjin de reginte-adel yn 'e kant sette woe en koe. Mar de ûnrêst wie dochs binnenslûpt en woun troch Willem I syn djûre status quo-polityk mear en mear oan. Dochs hold it Genoatskip stiifkoppich fêst oan de godsfrede-formule, al kondige him wol in nije generaesje oan. Nêst Wopke Eekhoff kamen minsken as dr. J.G. Ottema, Jan Gelinde van Blom, jhr. De Haan Hettema en mr. J. Dirks nei foaren. Mar ek Daam Fockema forskynde geregeld yn de gearkomsten en waerd sels noch in jiermannich bistjûrslid: in hwat wûnderlike frijfeint, hwaens skiedkundige bydragen wolris hwat tofolle nei Ocko Scharlensis rûkten, mar dy't genôch polityk realist bleaun wie om de ôfskieding fan België iepentlik to fordigenjen. Doe't hy bitanke, kaem yn syn plak mr. J.H. van Boelens, de lettere boargemaster fan Ljouwert, fan hwa't bikend is dat hy net yn dat amt bliuwe woe nei de ynfiering fan Thorbecke syn gemeentewet. Yn it Genoatskip fielde hy him skoan thús. Nijsgjirrich om nei to gean bliuwt de forhâlding fan it Genoatskip ta de Fryske tael oer nei it fordwinen fan it Jierboekje. Forbrutsen is de bân ynearsten perfoarst net. Dat koe ek dêrom al min om't ommers de skym fan Gysbert Japiks by de berte fan it Genoatskip sa moai en heech boppe de petefaers stien hie. It ynternasionale plak fan it Genoatskip hong foar in great part gear mei de Fryske tael en it bioefenjen fan de filology yn it algemien. Dêrom wiene de Ingelsken Bowring, Connybeare, Ingram en Price honoraire leden wurden, in eare dy't hja dielden mei û.o. de Denen Rasmus Rask, Torkst en Rafn en de Dútsker Jacob Grimm. Der moat dêrby lykwols om tocht wurde dat stúdzje fan de midsieuske wetten ek in taelkundige kwestje wie en dat stúdzje fan it âldfrysk emosioneel en sosiael in hiel oar ding wie as it gebrûk fan it nijfrysk. | |
[pagina 58]
| |
It staveringsûntwerp fan Halbertsma, dat yn it Jierboekje publisearre is, wie mikke yn opdracht fan it Genoatskip. It is in bisykjen, los to kommen fan de Gysbert-stavering dy't net oan moderne easken foldie, al makken somlike skriuwers der noch wol gebrûk fan, sa goed en sa kwea as it gyng. Halbertsma syn ûntwerp stiet oan it bigjin fan de stavering dy't hjoed de dei noch brûkt wurdt. As goed trochtochte skets yn de tastân fan anarchy hat it útstel syn greate wearde hawn. Fierderop sil it forhael dien wurde fan de wûnderlike eigen stavering fan Harmen Sytstra, in soarte romantyk yn lettertekens dêr't er it Selskip fan 1844 in skoft gâns in ein yn meilutsen hat en dy't in min ofte mear binende regeling fan de stavering noch lange jierren opkeard hat. Gjin him ôfkearen troch it Genoatskip dus fan it nijfrysk; mar wol it forskynsel dat ienlingen mear as de kollektiviteit de flamme brânnende holden. De Halbertsma's, dy't sa'n nijsgjirrich stik literatuer levere hawwe yn de styl fan de folksromantyk, kinne op dit punt better net yn it forbân fan it Genoatskip neamd wurde. Wol in echte Genoatskipsman wie mr. Albartus Telting. Hy hat advokaet west, siktaris fan Frjentsjer, Steatelid en Keamerlid, mar hy wie ek Frysk dichter mei folksaerdige aksinten en bioefener fan de taelkunde; en oan de stêd Frjentsjer wie hy forknotte mei in romantyske leafde, lyk as de Noardfries Theodor Storm dy fielde foar Husum, ‘die graue Stadt am Meer’. As siktaris fan it Genoatskip hat er yn it forslach oer 1834/'35 syn freon en meistanner mr. Jacob Roorda bitocht; in man dy't neffens him ‘in eene ruime mate die goede eigenschappen bezat die wij zoo gaarne als de grondtrekken aanmerken van den aard der Friesen’. Dy ‘grondtrekken’ wiene nochal hwat: ‘een rond en open karakter, een gevoelig gemoed, en eene onkreukbare en onomkoopbare liefde voor waarheid en regtvaardigheid, ... moedig en onverschrokken...’. It wurdt hjir oanhelle as nijsgjirrich foarbyld fan romantyske smucht oan it sykjen fan ideaeltypen foar it karakterisearjen fan de Friezen. Ek J.H. Halbertsma koe dêr hwat mei. It hat nammers noch lang wenst west en sukses hawn ek, yn en bûten Fryslân. Om op Telting werom to kommen, de talinten en de kennis fan in Halbertsma hie hy faeks net, mar hy liet dy moai fier efter him yn tagonklikens en tsjinstréens. Syn lêzing foar it Genoatskip yn 1840 oer it grammatikael bioefenjen fan de Fryske tael wie gjin histoarysk stik, al socht it wol de út it forline ôfkomstige foarmen; it wie in hantlieding foar it gebrûk fan it nijfrysk dat syn regels en syn bisûnderheden koe. Sûnder in echte folksman to wêzen wie Telting dochs immen dy't mei hiel syn hert en formogens de folkstael bihâlde en bifoarderje woe. In oarenien fan de âlde garde dy't it Frysk heechhold wie J.D. An- | |
[pagina 59]
| |
kringa, konrektor yn Ljouwert en letterleavende Constanter-man, dy't folle mear boppe it folk stie as Telting, mar op syn wize net minder trou wie oan in Frysk ideael. Yn de fjirtiger jierren hat er foar it Genoatskip in rychje lêzingen holden oer Gysbert Japiks syn wurk (Egge, Winering en Godsfrjeun, Reamer en Sape en de Psalmbirimingen). En oan 'e ein fan syn libben krige er in Fryske oersetting ré fan in part fan Aischylos' Agemmemnon, yn it ramt fan in ‘Proeve der geschiktheid van de Friesche taal voor het verhevene’. Dat it Jierboekje der kommen is hat binammen syn wurk west en dat it wer fordwoun wie net syn skuld. Mear in karakter as in great talint mei hy dochs mei eare neamd wurde ûnder dejingen dy't yn 'e earste helte fan de 19de ieu bisocht hawwe Fryslâns eigen plak to bitsjûgjen en syn erfskip to hoedzjen. It Frysk Genoatskip hat binammen yn de earste fearnsieu fan syn bistean sûnder mis in stikje Fryske biweging west. Letter wurdt dat stadichoan minder dúdlik. De Fryske biweging hat it Frysk Genoatskip ek yn syn bigjinfase net west. Dêrfoar stie it mei syn klassike eftergroun to fier fan de folksgeast ôf; dêrfoar wie it yn syn gearstalling to eksklusyf en yn syn wurk to iensidich; dêrfoar barde ek tofolle bûten it Genoatskip om. Binammen de skriuwers gyngen har eigen wegen. Rein Boukes Windsma, selsbiwust yn syn ‘bekrompen omstandigheden’Ga naar eind7., skuonmakker earst en letter skoalmaster to Wolsum, is nea as lid foardroegen en hat it nei alle gedachten ek net wurde wollen. Dr. Eeltsje Halbertsma is, lyk as al forteld is, der mei gauwens útstapt. Ds. Rinse Posthumus libbe en die syn dingen alhiel bûten de sfear fan it Genoatskip om, dêr't se him hast nea to sjen krigen, al skreau hy wol yn it Jierboekje en de Volksalmanak. Eekhoff syn sizzen oangeande mr. A. van Halmael, dat dy in Frysk Genoatskip op himsels wie, jildt einliken folle mear foar J.H. Halbertsma dy't troch syn freonskippen, syn korrespondinsje mar binammen troch syn great gesach as skriuwer en taelkundige in soarte magneet wie foar in hiele rige minsken fan bitsjutting. Ut syn brievesamling kin in hiele katalogus opmakke wurde fan ûnderwerpen dêr't yn 'e tiid fan de romantyk en it stadich opkommend liberalisme de bilangstelling him op rjochte. Forlykjende taelkunde, dialekten, folkskunde, âldheitkunde, mythology, mar binammen ek etymology joegen stoffe foar faek wiidweidige korrespondinsje. Ek de literatuer hie it omtinken; en fansels net to min de genealogy. Folkskunde hold ek yn kennis fan de folkskarakters en fan de bisûndere eigenskippen fan lytse mienskippen. De romantyk tekene de ‘folksstammen’ wer yn aparte kleuren, en de Fryske stamme telde omraek mei. Op himsels fortsjinwurdige de romantyk net folle wittenskipliks; hja wie | |
[pagina 60]
| |
earder in réaksje op de koelheit en forstânsforhearliking fan in earder tiidrek. In réaksje, mar ek wol in korreksje yn safier't mei rasioneel tinken allinne it wêzen fan minsken en mienskippen net goed binei to kommen is. It gefoel spile heech op, al kaem dat mear as by Joast Halbertsma út by syn broer Eeltsje, hwaens spontaen aerd to Heidelberg ek noch in ynjeksje hawn hie fan de Dútske romantyk. Mar Joast hat wer folle mear in grounlizzer west fan de Fryske biweging troch de wize hwerop hy de folksliteratuer bifoardere hat en net to min troch it nasionalisme dat hy toweibrocht hat mei sa dúdlik de klam to lizzen op it eigen aerd en it eigen plak fan de Friezen. In skiedkundige as E.H. Waterbolk hat in hwat skalk each op de njoggentjinde-ieuske skiednisopfettingen yn Fryslân dy't nei syn bitinken net altyd en oeral foldwaende distânsje nimme fan de âlde fabels, dêr't Ubbo Emmius foar in great part al mei ôfweefd hieGa naar eind8.. It is in krityk dy't einliken jilde moat foar de skiedskriuwing fan de romantyk yn it algemien. Yn hiel it romantysk nasionalisme sit in ûnhistoarysk elemint. J.H. Halbertsma, dy't gjin histoarikus wie, drukt grif de geast fan de ieu út mei hwat hy bitsjûget oer it wichtige plak fan de Friezen ûnder de Germaenske folken en fan it Frysk ûnder de Germaenske talen; mar hwat hy die wie tagelyk dochs ek pionierswurk, mei alle dêrby hearrende fortsjinsten en brekken. En Fryslân, dat nei de Frânske tiid stadichoan mear yn de nederklits rekke, hie foar de folksgeast en it bihâld fan syn selsrespekt driuwend forlet fan in stikje nasionale opwekking. Kultuer-histoarysk is it folslein forklearber dat út de ienfoarmige Frânske oerhearsking in Europa wei kaem mei de oanstriid de nasionaliteiten heech to spyljen. Frysk nasionalisme hat ek tige libbe by Genoatskipsminsken as Albartus Telting, J.G. Ottema en Wopke Eekhoff, om dy trije mar to neamen. Mar J.H. Halbertsma hat einliken de earste west dy't ûnder it folk útkomme liet dat in Fries yn syn marse mear meitôget as sljochtwei: oan oerurven deugden en seden, mar ek oan karakter en ek oan talinten. It wie him allinne yn 'e wei dat dy talinten sa min brûkt waerden. Syn sizzen: ‘Friesland kon den toon geven en het loopt aan de leiband’Ga naar eind9. is faek oanhelle. Minder bikend binne syn wurden: ‘De Friesche vrijheid neemt de wereld in’Ga naar eind10.. En yn it ‘Programma van Frieslands kabinet van oudheden’ neamt hy de Friezen ‘de moederstam uit welke de Engelschen en Amerikanen als onze colonisten zijn voortgekomen’Ga naar eind11.. Der sit yn sokke útspraken mear literaire oerdriuwing as histoaryske wiisheit. Mar it is dochs ek wol wis dat Halbertsma yn al syn libben en al syn drokke korrespondinsje mei ministers, diplomaten en de geleardste | |
[pagina 61]
| |
filologen fan syn tiid as Jacob Grimm en Rasmus Rask de reputaesje hie en ek perfoarst hawwe woe fan de man dy't achte wurde koe as Fries hwat bisûnders to fortellen to hawwen. Dit nasionalisme jowt ek kleur oan syn federalisme. Hwat wiene einliken syn politike opfettingen? It is hwat nijsgjirrich dat dêroer syn briefwiksel, foarsafier't dy bikend is, net safolle útslútsel jowl. De hânskriften bringe wol hwat mear ljocht; mar dat is dan in ljocht dat yn syn tiid almeast ûnder de nôtmjitte bleaun is. Liberael mei hy neamd wurde; mar Thorbeckiaen wie hy net, al hat hy yn de fjirtiger jierren wol mei Thorbecke briefke. Hwat hy op Thorbecke en dy syn oanhing tsjin hie wie har ienheitsstribjen. Dat ienheitsstribjen, dat him yn politike foarm yn de Dútske lannen en it tobroazele Italië ta in fûleinige krêft ûntjown hie, hie yn syn oarsprong de liberale eftergroun fan it rjocht en de frijheit dy't woun wurde moasten út de hannen fan de lytsere en greatere potentaten en ûnderbrocht yn it great en krêftich demokratysk steatsforbân. Mar Halbertsma seach it alteast foar de Dútske ienheit in gat yn 'e kop. Yn lêzingen foar it Nut to Swol en to Dimter yn 1864Ga naar eind12. hat hy útlein hoe't it kaem dat feitlike demokrasy yn Dútsklân gjin kâns hie: de minsken hiene gewoan net leard, lyk as yn Ingelân en Nederlân, mei de frijheit om to gean. Sa koe allinne mar de baen frijkomme foar fuortsette ûnderhearrichheit fan de bifolking, mar dan yn in steatsforbân dat troch forgreate macht folle earder en makliker ré wie fan militaire middels gebrûk to meitsjen. Nou biwûndere Halbertsma faeks Ingelân hwat tofolle en forgear hy ek hwat tofolle dat it binammen de lêste tiid fan de Uny yn Nederlân der mei de frijheit ek net sa fleurich foarstien hie; mar dat nimt dochs net wei dat hy de gefaren fan greate machtskonsintraesjes fan duldsume en net yn frijheit oefene bifolkingen skerp foarútsjoen hat. Syn ideael is it dúdlikst to finen yn it artikel oer it Frysk dat hy bydroech oan Bosworth' ‘The origin of the Germanic and Scandinavian Languages’: ‘diversity in unity’, forskaet yn ienheit, dy't neffens him net allinne yn it taelbigryp en -gebrûk, mar op alle libbensgebieten útgongspunt heart to wêzen. Hjir is in federalist oan it wurd: de folken moatte harren yn al har eigenaerdigens en har ûnderskate talen ûntjaen kinne. Ek as der rekken mei holden wurdt dat elke sprekker en skriuwer sjoen wurde moat yn it ramt fan syn tiid en in útspraek fan in ieu lyn ornaris net mear itselde bitsjut as in selde útspraek hjoed de dei, - ek dan lizze yn Halbertsma syn útspraek de kjimmen fan in federalisme mei in diminsje mear as fan in eardere tiid, doe't alteast yn Nederlân it hast net mooglik wie om it los to sjen fan it machtsstribjen fan de reginten. Yn elts gefal bifrijt hy it federalisme | |
[pagina 62]
| |
Earste pagina fall J.H. Halbertsma syn oersetting ‘in het land-Friesch’ fall it Mattheusevangeelje.
De oersetting wie skreaun yn opdracht fan prins Louis Lucien Bonaparte en is is útjown op dy syn kosten. De yn Ingelân wenjende prins wie in earsten taelkenner. *
| |
[pagina 63]
| |
fan nasionale tradysjes; it wurdt by him in soarte universele theory. Hwat dat foar de praktyk ynhold? Doe't Halbertsma yn Swol en Dimter syn nijsgjirrige miening joech, wie hy al in âld man. De tiid fan de ‘bidaerde’ revolusionairen fan 1795: E.M. van Beijma, Daam Fockema en de Fryske ‘represintanten’ yn Den Haech, dy't noch moannen oanien it Hollânske ienheitsstribjen opkeard hiene, lei lange jierren tobek en wie fierhinne forgetten. Undertusken hie Nederlân him fierder ûntjown as ienheitssteat. Halbertsma wie net allinne gjin histoarikus, hy wie ek gjin homo politikus. Hy hie Thorbecke oan it biwâld kommen sjoen mei syn foarsichtich desintralisaesje-stribjen. De technyk foroare de wrâld, alles foroare nammers. De konklúzje kin min in oarenien wêze as dat foar Nederlân Halbertsma syn opfetting gjin aktuele bitsjutting hie. Foar praktysk gebrûk binne syn federale idéen net dúdlik út de ferve kommen. Mar foar de Fryske biweging hawwe se dochs as útgongspunten bitsjutting holden. Federalisme sit as in riis yn syn geasrlik erfskip. Dat erfskip is binammen it romantyske postulaet fan it bisûndere plak fan Fryslân en in boadskip fan it lytse mar âlde folk dat better as mannich oar folk leard hat de frijheit to hantearjen. ‘De Friese vrijheid neemt de wereld in’. Lit men jin fierder net op Halbertsma forsjen. Hy hearde ta de wrâld fan foar 1848. Der wie gjin freonskip dy't er soarchsumer ûnderholden hat as dy mei de grif bûtenwenstige mar yn wêzen troch en troch konservative Bilderdijk. Kunde oan minsken as Potgieter en Busken Huet hat hy nea hawn. Syn ideael fan steatkunde wie Floris Adriaan van Hall, Thorbecke syn tsjinspylder. Yn it Frysk Genoatskip fordwoun yn de fjirtiger jierren stadichoan de âlde generaesje. F.D. Fontein en Hendrik Amersfoordt stoaren yn 1843. Mr. U.A. Evertsz hat yn syn Ljouwerter tiid noch in jiermannich foarsitter west, mar joech dy funksje op nei't er rjochtbankpresidint op it Hearrenfean wurden wie. Op 'e ledelist forskynden nammen as Tiede Roels Dykstra en Jacobus van Loon. Mr. J. Dirks rekke yn it bistjûr, to'n earsten as skathâlder. Pas yn it jierforslach oer 1846/'47 is de meidieling to finen oer de oprjochting fan in ‘Selscip foar Frysce Teal in Scriftekinnisse’, ûntsrien yn 1844. It waerd net sjoen as in konkurrint: ‘wij zien de pogingen met genoegen en voorzien daarvan goede uitkomsten’. It krewearjen foar de folkstael wie yn it Genoatskip al in twivelige saek wurden en in part fan de leden hat it grif as in forromming field dat nou in oare foriening har dêr mei ynmoed op smite woe. Earder is sein dat alle maetskiplike foroaringen it Genoatskip net út de | |
[pagina 64]
| |
âlde koerts bringe koene. Der wie lykwols ien nijsgjirrige útsûndering dy't him oppponearre op it Hearrenfean yn de lêste helte fan de fjirtiger jierren. Dêr ûntstie in soarte krite fan it Genoatskip, en in dúdlike liberalen-ien. Foarmannen wiene ds, A. Winkler Prins, minniste foargonger yn Tsjalbert, en mr. U.A. Evertsz. Binammen Winkler Prins (de man dy't letter de earste Nederlânske ensyklopedy gearstalde) wie tige aktyf; nammers ek yn de algemiene Genoatskipsgearkomsten. Op it Hearrenfean hat hy ris in libbensskets jown fan Greate Pier. Mar in ‘eigenaardige tint’ (neffens it forslach) krigen de Hearrenfeanster gearkomsten ‘door het voorlezen van kleinere stukjes in de Friesche taal’. By de rounte dêrre hearden ek notaris Binnerts en jhr. mr. F.H. van Beyma thoe Kingma, de lêste letter boargemaster fan Aengwirden, Steatelid en skoalopsjenner. Dizze nijsgjirrige krite forroun neidat mr. Evertsz lid wurden wie fan de Hege Rie (1849) en ds. Winkler Prins forroppen nei Veendam (1850). Yn de jierforslaggen wurdt alteast gjin gewach mear makke fan eigen gearkomsten fan de Hearrenfeanster rounte. De nije grounwet mei syn greate steatkundige foroaringen wie der andertusken kommen. Gâns Genoatskipsleden sille der net sa optein oer west hawwe, mar siktaris dr. J.G. Ottema foun yn it jierforslach oer 1848/'49 wol reden om de rêst to romjen hwermei't dar allegearre yn ús lân bard is, yn tsjinstelling mei it wyld revolusionair gedoch yn oare lannen. Leden as J.G. van Blom en T.R. Dykstra holden ynearsten de bilangstelling foar de Fryske tael hwat geande (lêstneamde hat ris yn in gearkomste foardroegen út Waling Dykstra syn ‘Doaitse mei de Noardsce Balke’), en de earme J.C.P. Salverda krige sawier noch in grêfstien fanwegen it Genoatskip. Mar mei J. van Leeuwen gyng yn it bigjin fan de fyftiger jierren de lêste foarsitter fan de âlde garde ôf. Yn syn plak kaem mr. J. Dirks, man fan greate histoaryske bilangstelling en forneamd stadichoan op it gebiet fan munt- en penningkunde, mar gjin taelkundige. Hy is it dy't lange jierren mei Wopke Eekhoff toan en rjochting fan it Genoatskip biskaet hat. It wie de rjochting fan de âldheitkunde dy't in tige oantrún krige hie troch de fynsten yn de terpen, dêr't om dy tiid mear en mear de lodde yn set waerd. Mei dêrtroch kaem it dat de soarch fan it Genoatskip neigeraden yn it bisûnder útgyng nei in plak foar it âldheitkundich materiael èn foar de bibliotheek dy't hurd oanwoeks. De boeken hawwe in skoft stien yn it lokael fan Van der Wielen oan de Sakramintsstrjitte to Ljouwert; letter founen se mei in samling âldheden in ûnderkommen yn in sealtsje fan it nije paleis fan justysje to Ljouwert. It probleem is lykwols pas oplost troch it ta stân kommen fan it eigen gebou fan it Frysk Genoatskip, hiel hwat jierren letter. |
|