Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 38]
| |
De bihearske romantyk IDe godsfredefan Willem I - Gysbertfeest en de oprjochting fan it Frysk Genoatskip - J.H. Halbertsma as fier orakel - De minsken en de dieden - It Jierboekje.It is bikend: yn 1813 kaem de Kosak as freon en yn Van Hogendorp syn proklamaesje stie de moaije rigel: De oude tijden keeren wederom. Nei it uterlike like it dêr in soad op, mar dochs waerden de nije tiden al hwat oars as Van Hogendorp en syn aristokratyske maten wollen hiene. Net werom kaem de federale steat en net werom kaem de ûnoantaestbere regintemacht, ek al sloech de aristokrasy wer knap foar master op. Yn de striid om de nije grounwet krige, tsjin it sin fan Van Hogendorp, it federalisme gjin kâns. De striid hjiroer spile him ôf yn de grounwetkommisje dy't nou just net gearstald wie út represintanten fan it folk. Foar Fryslân hiene twa eallju sit yn 'e kommisje: jonker Idsert Aebinga van Humalda en Hans Willem baron van Aylva. Binammen de lêste, dy't tige persoanlike kunde wie fan Willem I, wie krêftich tsjin in nij federalisme om't er mar al to goed wist hwer't it âlde ta laet hie. Syn stânpunt wie dat fan mear adel. Nou't oan in soeverein keningskip net to ûntkommen wie, like de posysje fan de adel it meast wis by in grounwetlik regele plak yn de sintrale keninklike bistjûrshiërarchy. Op dit punt kamen de âlde tiden dus net ‘wederom’ en Van Hogendorp moast him skikke, hoe tige it him muoide. Tsjinstanners fan him wiene nammers ek de lju dy't op hege posten stien hiene yn it Frânsk-sintralistyske biwâld, lykas û.o.: Van Maanen, Elout en Röell. Hja wiene de burokraten dy't de efficiency leard hiene fan in bistjûren sûnder it einleaze opûnthâld fan in rieplachtsjen fan de efterban. En hja wiene ek it meast de minsken nei de smaek fan Willem I. Yn syn hert naem hy dit soarte fan bitûfte boargers graech foar kar boppe de âlde reginten, al bidimme hy dat hert wol om't er ek bang wie mei de aristokrasy yn tsjok waer to reitsjen. Sa waerd de nije grounwet, opsteld yn twa fasen (earst allinne foar Noardnederlân en letter ek foar it suden der by), de einslutende deadsakte fan de federale steat, nei't yn in eardere tiid aristokratyske dôfhûdigens dy ta in ûnmooglik ding makke hiene. De unitariske demokraten krigen har ienheitssteat, mar mei in drôvich bytsje demokrasy, en de aristokraten krigen de measte baentsjes, mar sûnder de eardere macht. De regearmacht wie gearlutsen yn Den Haech: by de kening en fan de him ôfhinklike | |
[pagina 39]
| |
ministers. As der ea al in great Fryslân west hie, dan wie nou wol de tiid kommen fan in lyts Fryslân. In provinsje mei wiswier in eigen folkstael, dy't lykwols amper in oare funksje like to hawwen as leech to ûnderskieden fan heech; mei ek wol in eigen skiednis, dy't lykwols de lêste ieu net mear sa drok bioefene wie; en mei in stadichoan wakker ûndúdlik wurden frijheitstradysje. Steatsrjochtlik wie Fryslân gewoan ien fan de alve, sûnder kâns mear op in eigen plak. It is dizze delgong dy't mei it ûntstean fan de Fryske biweging forklearret. It hoedzjen en útbouwen fan it eigen erfskip hat net alhiel bûten it eachweid lein fan de federale rjochting ûnder de Fryske demokraten. Inkelde nammen binne al neamd: Georg Frederik baron thoe Schwartzenberg en Hohelansberg, fan hwaens Charterboek by syn libben fjouwer dielen útkamen, en Everwinus Wassenbergh, dy't yn de oer Frjentsjer fallen stillens Gysbert Japiks wer ta libben brocht hie. Nammers hie de literatuer ek hwat libbenstekens jown troch it wurk fan Dirk Lenige en Feike Hiddes van der Ploeg, minnisten allebeide. Mar meimekoarren koe it noch amper sprekken lije. Sa wie ek op it mêd fan de kultuer Fryslân fierhinne in leech fet wurden dat wer fold wurde moast. Dat hat letter de Fryske biweging bisocht to dwaen, muoisum en stadich, yn de ienheitssteat dêr't nou ienris neat mear oan to forhelpen wie. It tiidrek dat nei de Frânske tiid bigoun, wie dat fan Willem I syn godsfrede. De kening hie mear oan de âlde reginten tajown as hy sels faeks wollen hie, mar de boargerklasse wie net bûten sletten. De fortsjinwurdigers hjirfan hiene fakentiden funksjes hweryn't it op kennis en bitûftens oankaem, lykas by de rjochterlike macht, it heger ûnderwiis en it skoalletaforsjoch. Nammers hiene de amten, dêr't de adel yn siet, net mear safolle to bitsjutten as foarhinne. Sa wie oan it grytmanskip gjin rjochterlik foech mear forboun lyk as ûnder de Uny. De godsfrede birêstte op de gelikensens yn oansjen fan de reginten en de boppelaech fan de boargerij. Op dizze iensidige wize foun it wurd fan Van Hogendorp, dat alle partijskip opholden hie, tapassing. It wie in soarte hillige alliânsje yn miniatuer: kening en blom fan de naesje moasten der op tasjen dat healwizichheden as yn 'e tiid fan de Bataefske republyk net op 'e nij barden. Kultureel kaem der stadichoan wer hwat aksje. De Frjentsjerter hegeskoalle dy't, al jierren yn in leech, ûnder keizer Napoleon syn doarren slute moatten hie, wie yn 1815 op it hwat biskiedener plan fan atheneum weromkommen. Wassenbergh, ûndertusken al in stik yn de sawntich, koe syn kolleezjes forfetsje. Hy wie de ‘grey eminence’ yn in formidden dêr't de romantyk de geasten oanrekke en meinommen hie, mar binnen de | |
[pagina 40]
| |
grinzen fan it deugdsume. Yn it ljocht fan de hjoeddeiske tiid liket de saneamde Wassenbergh-skoalle in weardige folkloristyske klub mei syn nocht oan folksgebrûken, dialekten, sêgen en mearkes, mar dêrmei komt men syn bitsjutting net binei. Hwant der is ek noch Gysbert Japiks dy't wer foar it ljocht helle wurdt en der is ek de greate bilangstelling foar it forline mei syn eigen kleur en styl en wûnderlik forskaet fan sêge en histoaryske wierheit. En as bûten Fryslân it opikkerjen fan de sechtjinde en sawntjinde ieu, dy tiid fan fierrikkende avontuerlikens en mei syn greate geasten op sa mannich gebiet, in soarte romantysk tsjinwicht wurdt fan de stillens en deadskens fan it nei-napoleontyske tiidrek, dan moat Fryslân biwize dat it op syn wize oanpart hawn hat yn de gloarje fan it forline. Sa moat de hulde oan Gysbert Japiks forstien wurde, it greate Boalserter feest fan 1823. Hiel maklik hat it tarieden fan dit feest noch net west. It Boalserter Nut hie yn 1818 de foarstap nommen en in kommisje bineamd, mar trije jier letter wie der noch neat opsketten mei it plan, in ‘gedenkstuk’ (dêr't in byldhouwurk mei bidoeld waerd) rémeitsje to litten en der in plak foar to finen. Der folge doe in foroaring en oanfolling fan de kommisje; en binammen it lid J.H. Halbertsma, sûnt 1816 minniste foargonger to Boalsert, hat it west troch hwaens krewearjen der wer gong yn kaem. As byldhouwer waerd oanwiisd P.J. Gabriël út Amsterdam, in foar dy tiid net minne kar. Foar syn wurk krige hy in Gysbert-portret ta syn foldwaen út it bisit fan Rinse Koopmans. heechlearaer oan it minniste-seminaerje to Amsterdam en great Gysbert-forearder. It earste plan, in metalen stânbyld foar it eartiidske hûs fan Gysbert, moast falle litten wurde op groun fan technyske biswieren; en doe waerd men it iens oer in moarmeren boarstbyld, to pleatsen yn in nis fan de Martinitsjerke. Dêr is it kommen en dêr stiet it noch. It feest fan 7 july 1823 hat J.H. Halbertsma wiidweidich biskreaun yn syn ‘Hulde aan Gysbert Japiks, I’. Wumkes hat it de parade fan de Wassenberghers neamd; mar it wie ek noch wol hwat oars, ntl. in manifestaesje fan in emansipearre boargerlike elite dy't har wegen gyng los fan tsjerklike of wrâldske oerheden. Dizze elite wie bisiele fan in Frysk nasionalisme, kultureel fan ynhâld en droegen fan ynfierenheit oer in forline dêr't hja Gysbert Japiks yn stean seach as libben biwiis fan de krêft, de ealens en de swietlûdigens fan de Fryske tael. In demonstraesje tsjin it reginteskaei wie it perfoarst net. De gouverneur, jhr. Idsert Aebinga van Humalda, makke it hiele feest mei en waerd bihannele mei de earbied dy't in keninklik amtner, tagelyk ek Frysk ealman en Gysbert-kenner, takaem. Mar de greate man fan it feest wie hy net. De greate man wie | |
[pagina 41]
| |
In jier nei it Gysbertfeest to Boalsert yn 1823 kaem it earste diel út fan J.H. Halbertsma syn
Hulde aan Gysbert Japiks mei in wiidweidige biskriuwing fan alles hwat him foar en by dit feest ôfspile hie en somlike poëtyske bydragen, û.o. fan de domeny's Piter Boeles en Rinse Posthumus. *
| |
[pagina 42]
| |
Everwinus Wassenbergh, de Frjentsjerter professor dy't mei safolle leafde en stânfêstens syn learlingen ynwijd hie yn de poëzije fan Gysbert en de stúdzje fan de folkstalen, Nederlânsk en Frysk. Hy hie wol fortsjinne dit noch to bilibjen. De feitlike parade wie de foar Fryslân nei alle gedachten unike optocht fan it stedshûs nei de Martinitsjerke. Dêr rounen efter it muzyk (fan de skutterij) yn mei de Ljouwerter bistjûrsadel, Frjentsjerter professors (‘waaronder de achtingwaardige Wassenbergh met blijdschap werd aanschouwd’, neffens it forslach yn de Ljouwerter krante), de hiele Boalserter rie, it hiele Boalserter Nut, frederjochter, domeny's, skoalopsjenners, wees- en earmfâdden en ‘bijzondere genoodigden’ ûnder hwa de Waeksemer domeny-frisiast Rinse Posthumus en dr. Eeltsje Halbertsma. Hichtepunt fan it feest lykwols wie de rede fan J.H. Halbertsma yn de Martini-tsjerke dy't fol wie oant yn de fierste hoeken. Hwant doe't de optocht der yn kaem, sieten der al hiel hwat lju (‘van beide sexen’, seit it forslach) mei yntroduksjekaerten; en boppedat wie nei it ûntbleatsjen fan it boarstbyld ek de ‘geringere volksklasse’ talitten. Hwat Halbertsma sei wie oan de iene kant noch in forhanneling yn 'e styl fan de Forljochting, wijd oan de forhevenens, deugd en seedlike wearde fan Gysbert syn oeuvre, syn geast en syn ‘fornuft’, mar oan 'e oare kant in foar dy tiden modern kolleezje oer de wearde en de rjochten fan folkstalen en binammen dy dêr't net of net folle yn skreaun wie. Sa liet er Gysbert sjen as de pionier dy't de tael fan de strjitte oppakt hie en, as ynspirearre diehter en ambachtlik kunstner, smeid en glânzje litten heech boppe it nivo fan de ‘droge of ruwe naiviteiten’ dêr't oaren it Frysk einliken allinne noch mar gaedlik foar achten. Yn Halbertsma syn romantyske geast wie neat mear fan de hâlding fan forwar, hwermei't sa'n trije fearnsieu earder Jan Althuysen yn it foaropwurd fan syn psalmoersettingen it foar de geskiktens fan it Frysk ek foar hegere uteringen opnaem. Foar him stie dat gewoan net yn 'e kiif. Sjoch de hichten dy't Gysbert birikt hie yn de ienfâldige minsklike dingen; hy, de greatste dichter fan syn ieu nei Vondel, al hiene syn stedgenoaten, dêr't er in deistich buorpraetsje mei makke, dat grif net sa daliks yn 'e rekken hawn. Sokke tael moast de herten wol rêdder klopje litte. En doe't ek noch de ‘tachtigjarige grijsaard’ E. Wassenbergh op 'e preekstoel kleau en yn in Frysk fers fan eigen makkelei Gysbert de dichter neamde dy't him earst yn syn griene jierren himelswiet priuwe litten hie en him nou yn syn âlderdom ‘fier boppe oare ljie’ gyng, wie de Martinitsjerke wol fol ‘aller toejuiching’. Hwat sneu wei kaem domeny Rinse Posthumus, dy't ek in gedicht foarlêze wollen hie, mar dêr de kâns net ta krige ‘om de lengte | |
[pagina 43]
| |
It bikende, hwat idéalisearre, portret fan J.H. Halbertsma doe't er 38 jier wie, skildere rroch de forneamde Willem Bartel van der Kooi. *
van den tijd, dien het feest vorderde, niet te vergroten’. Op in mieltiid jouns ‘met 60 couverts’ lykwols wie it gouverneur Aebinga van Humalda dy't him frege it fers dochs noch hearre to litten. Hy wegere net. It wiene rigels as: ... ‘Jon namme, Gijsbert! Wittenschip en kinst/ 'k Forsiz dit, sill meij 'e leste Friez eerst stearre! ...’, in foech hûndert tweintich stiks, dy't Posthumus foarlies, net sûnder nochris dúdlik der by to sizzen dat it fers yn 'e tsjerke thúsheard hie. Mar it is foar de neiteam biwarre yn de ‘Hulde aan Gysbert Japiks’, mei noch Fryske poëzije û.o. fan dr. Eeltsje Halbertsma en de domeny's Eeuwe Nauta en Pieter Boeles. It Gysbert-feest moat wurdearre wurde yn it ramt fan de tiid. In folksfeest wie it net, al wie dan yn de Martinitsjerke ek de ‘geringere volksklasse’ fortsjinwurdige en al sille de stedtsjers har niget hawn hawwe oan de optocht en oan it muzyk dat troch de strjitten gyng. De ‘60 couverts’ fan it jounsmiel jowe wol sahwat oan foar hwa't it feest ornearre wie. Dat de skutterij apart ûnthelle waerd, hie dy mei it muzykmeitsjen fansels wol fortsjinne, mar it is min oan to nimmen dat boppe dat gearkommen de geast fan Gysbert sweve hat. W.H. Keikes hat oan it feest in | |
[pagina 44]
| |
nijsgjirrige lytse stúdzje wijdGa naar eind4. dêr't er yn fornijt dat it jild foar it monumint ensfh. alhielendal net troch de boargerij opbrocht is, lyk as J.H. Halbertsma de lêzers leauwe litte wol yn ‘De harkers op it Boalserter Nut’. De stêd hat hwat jown en de weesfâdden it oare; de boargerij hat neat jown. De tael fan it feest wie it Hollânsk en mar by útsûndering it Frysk. It is de romantyk, bihearske mar dochs yn alles to fielen en to priuwen, dy't it feest syn kleur en syn bitsjutting jown hat. Der siet hwat yn 'e loft. In jier earder hie Ekke Epkema in nije útjefte bisoarge fan Gysberts ‘Rymlerije’ en wie ek de earste lytse printinge útkommen fan ‘De Lapekoer fen Gabe Skroar’ fan de Halbertsma's. Sa'n fiifentritich jier wie it lyn dat Wassenbergh de winsk utere hie dat der in geleard Frysk selskip komme soe. Mei it Boalserter feest like de tiid dêr einlings ryp foar to wêzen. Der is in rede yn hânskrift op 'e Provinsiale Bibliotheek dêr't mei safolle wurden yn oproppen wurdt sa'n foriening nou to stiftsjen. De datum is 7 july 1823 en it leit foar de hân dat dy útsprutsen is by de mieltiid met de 60 couverts. Troch hwa? It skrift is goed lêsber en dus net fan Halbertsma, dy't nammers gjin organisaesje-man wie. Men soe oan de gouverneur tinke kinne, al liket it skrift ek wer hwat to jeuchlik foar in man fan tsjin de sawntich. Botte wichtich is it net. Oannommen mei wurde dat it stik utering joech oan in moai algemien fielen. Mar de klokken rounen net hastich yn dy dagen. Noch fjouwer jierren moasten der oerhinne gean ear't it safier wie. It ûntbleatsjen fan in Gysbert-byld mei alle dêrby hearrende redenrikens en fersemakkerij wie ien ding; it op poaten setten fan in bliuwend formidden fan wittenskip en kunst in oar. Foar dat lêste blykte noch wol hwat mear nedich to wêzen as de op himsels bimoedigjende opteinens fan in Boalserter julydei. Nou bistie der yn Ljouwert al sûnt 1819 in stúdzje-rounte, net sa Frysk fan opset en allinne literair en literair-histoarysk bidoeld. Dy hjitte Constanter en de oprjochter wie mr. Arent van Halmael, berne Amsterdammer en fan birop auditeur-militair. As dichter en toanielskriuwer yn de geast fan it romantysk heldendom wie hy net alhiel sûnder bitsjutting, en de tiid brocht mei dat it omtinken fan him en syn maten him al gau mei foarleafde op Fryslân rjochte. De Constanter-rounte wie bisletten en hat nea mear as tsien leden hawn. Mar aktyf wie hja wol, en somlike frysksinnige mannen rekken dêrtroch al dwaende ré foar forieningswurk op in breder front. Der kaem ek in oantrún út de Snitser kontrei. Yn Fryslâns twadde stêd wie it rektor Hendrik Amersfoordt - Amsterdammer fan komôf lyk as Van Halmael - slagge mei jildlike stipe fan minister Falck in moai steal | |
[pagina 45]
| |
boeken en papieren to rêdden út de neilittenskip fan de yn 1819 forstoarne rjochtbankpresidint mr. Herbell; de man dy't foar de Frânske tiid noch tolve jier wurke hie oan it folslein meitsjen fan it Charterboek fan Schwartzenberg. Dat brocht fansels forplichtingen mei, dêr't Amersfoordt mei de help fan de domeny fan Ysbrechtum H.W.C.A. Visser, dy't ek skoalopsjenner en in great frisiast wie, oan foldwaen woe troch it útjaen fan in ‘Archief voor vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis, oudheid- en taalkunde’, út to kommen elk jier yn ‘dertig vellen druks’; dat is 480 siden! Dizze plannen wiene to great: al nei de earste jefte (mei in stik kronyk fan Petrus fan Thabor) kamen der swierrichheden. Neitiid binne der mei lijen noch twa jeften útkommen. Visser is nammers al yn 1826 stoarn. It wie binammen dit heale mislearjen dat rektor Amersfoordt en in nije Snitser rjochter mr. F. Binkes, in man út de Constanter-rounte, ta it bislút brocht om nei alle praten it nou einlings ta dieden komme to litten. Yn 'e mande mei de Harnzer séhannelder en samler Freerk Dirks Fontein lieten hja útnoegingen útgean foar it oprjochtsjen fan in Fryske wittenskiplike foriening. De kûgel wie troch de tsjerke. Fan achttjin persoanen, foar in great part ‘Wassenberghers’, krigen hja daliks tawurd en sa koe, nei in tariedend bisprek yn augustus, op 27 septimber 1827 to Frjentsjer de earste gearkomste holden wurde fan it ‘Friesch Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde’. Lang om let hie in al jierren dúdlik en krêftich libjend Frysk nasionael bisef him útkristalisearre yn in formidden dat der fierder doel en rjochting oan jaen koe. It wie in jier nei Wassenbergh syn forstjerren. Hoe tige hy einliken de geastlike heit west hat, blykt mear hast noch as út syn printe wurk út syn briefwiksel (to finen op 'e Provinsiale Bibliotheek), dy't meast giet oer taelforskynsels, dialekten en folksgebrûken. De tekens hie hy noch sjoen, mar de oprjochting fan de foriening dy't hy al sa lange jierren winske hie, hat hy net mear bilibbe. Wol wie jonker Aebinga van Humalda noch yn wêzen, mar hy wie yn 1826 ôfgien as gouverneur. De keninklike goedkarring roun nou oer de nije gouverneur baron Van Zuylen van Nijevelt. De leden wiene yn soarten. Yn rang boppenoan stiene de ‘honoraire’ leden, mar de foriening dreau op de arbeidzjende leden, foar hwa't de genoatskipswet foarskreau dat hja bikend stean moasten ‘door hunnen smaak of de richting hunner studiën’. Allinne arbeidzjende leden (it hawwe jierrenlang net mear west as sa'n tweintich) kamen yn de bineaming foar bistjûrsfunksjes, mar de gewoane leden, de greatste keppel, hiene wol stimrjocht. Dan wiene der ek noch bûtengewoane leden, ntl. bûtenfriezen dy't nei alle gedachten arbeidzjende leden wêze soene as hja | |
[pagina 46]
| |
yn Fryslân wennen. Ien fan harren wie J.H. Halbertsma, dy't al in jier foar it Gysbertfeest in birop út Dimter as minnist domeny oannommen hie. De Fryske adel wie oanwêzich ûnder alle soarten fan leden. Honorairen wiene bgl. de niisneamde baron Van Zuylen van Nijevelt sawol as syn foargonger op it provinsjehûs jonker Aebinga van Humalda. Mar in soarte adellik reservaet wie it Frysk Genoatskip perfoarst net. Yn de sfear fan de godsfrede (de aristokrasy de eare, de oaren it wurk) wjerspegele it nei aerd en gearstalling dúdlik de emansipaesje fan de hegere boargerij. Ien fan syn net skreaune grounslaggen wie de rjochtfeardiging troch kennis en deugd. It is al earder sein: der wie by de gelearde boargers gjin stribjen om de adel oan kant to reagjen, mar wol it gefoel fan lykweardigens troch talint, wittenskip en earberens. By al dy deugdsumens wie lykwols ien bysûnder aspekt, dat ek al by it Gysbertfeest ta utering kommen wie: it forlet om it erfskip wurdich to wêzen dat út it Frysk forline just ta minsken fan wittenskip, kunst en letteren sa dúdlik spriek. De kearn fan dat erfskip wie de midsieuske (en faeks al eardere) folksfrijheit, dêr't de âlde (yn it Frysk skreaune) wetten op boud wiene. Dizze frijheitstradysje, it is al earder sein, gyng hiel hwat fierder tobek as de striid tsjin Philips II; nammers rikte de Fryske skiednis oanwiisber fierder tobek as de Nederlânske yn it algemien. Romantyk, dy't oer godsfrede en stannehiërarchy hinnerikte; it Frysk Genoatskip mocht yn dit eigen forline in opdracht en in boadskip sjen en koe der yn elts gefal de pretinsje oan ûntliene hwat mear to wêzen as allinne mar in pendant fan oare provinsiale forieningen foar it bioefenjen fan regionale skiednis. Fansels wie de Fryske tael in markant en ûnmisber diel yn it hiele aparte byld en waerd net forsomme de stúdzje en bioefening dêrfan in plak to jaen yn de doelstellingen. Fan de fjouwer ôfdielingen, dêr't de aktive kearn fan it Genoatskip him foar de útfiering fan it stúdzjeprogram fordielde, krigen ynearsten twa mei tael to meitsjen: de earste (foar steatkundige en letterkundige skiednis) en de fjirde (foar tael- en dichtkunde). It swakke punt lykwols wie dat de tael fan de gearkomsten (ôfsjoen fan út en troch in Fryske bydrage) en fan de forslaggen altyd it Hollânsk wie. Hie it taelgebrûk in striidpunt west, dan hie it Hollânsk wol to fordigenjen west. Der hie sein wurde kinnen dat it Frysk noch net sa goed oanpast wie oan de hegere noarmen en ek noch net in fêste stavering hie. Grounen en forlechjes genôch; mar út neat blykt dat se nedich west hawwe. Frysk as tael fan in deftige foriening: it hie wierliken in soarte revolúsje west en gjin kant út kinnen yn in tiid doe't elk Nederlanner fan | |
[pagina 47]
| |
hwat oansjen revolúsjes bûtensprongen achte fan in jammerlik forline. De tsjinstridigens yn it net sels hantearjen fan in tael yn in formidden dat dochs de wearde en de mooglikheden fan dyselde tael sa tige bitsjûge, is, nei't it liket, yn 'e bigjinjierren fan it Genoatskip amper field. Der wie nammers yn hiele Nederlân in wûnderlike diskrepânsje tusken de forearing fan in almeast rûch forline en de eigentiidske stive deftigens. It wie net de styl fan dy stille tiid it mekoarren lestich to meitsjen. Njonken de twa al neamde, mear literaire, ôfdielingen fan it Frysk Genoatskip wie der ien foar it sammeljen fan âldheden (de twadde) en ien foar de eardere en lettere geografy en de geology (de tredde). De fjouwer binne letter trije wurden doe't alles hwat tael oanbilange ûnderbrocht waerd yn in tredde ôfdieling; de oare ôfdielingen waerden dy foar skiednis yn de romste bitsjutting (earste) en âldheden (twadde). De forieningswet skreau foar, alle jierren trije gearkomsten to hâlden. Elk lid koe yn sa'n gearkomste foarlêzing dwaen fan ‘de uitslag zijner nasporingen’, foarsafier't er it net gaedliker achte it stik yn hannen to jaen fan ien fan de ôfdielingen ‘ter nadere overweging’. In deftige klub; en de opfetting dat de Fryske biweging achte wurde moat to bigjinnen pas mei de oprjochting fan it Selskip fan 1844 sil wol fuortkomme út it gefoel dat sa'n eksklusive foriening út har aerd net earnstich Fryske aksje en Fryske striid fiere koe. Mar men komt de Fryske biweging net binei troch dy to sjen as in soarte organisearre aksje; hja kin allinne bigrepen wurde as in geastesstreaming dy't in lytse mar tige aparte kultuermienskip mei in great forline út it leech nei boppe stjitte wol. Dêr binne Wassenbergh en syn learlingen mei bigoun, dêrfan wie it Boalserter feest in nijsgjirrige demonstraesje en dêr hat ek sûnder mis, binnen biskate grinzen, it Frysk Genoatskip in bydrage ta jown. Sûnder it tariedend wurk fan it Genoatskip is nammers it Selskip net goed tinkber, lyk as op syn bar it Genoatskip pas fan de groun kommen is nei in ynkubaesjetiidrek fan sa likernôch in heale ieu. Efternei is it net sa slim om fêst to stellen dat it Genoatskip op groun fan de geast en de maetskiplike posysje fan syn leden foarbiskikt wie om by syn wurk al gau it swierste aksint falle to litten op it forline. Dochs is it rjochtfeardich om ta to jaen dat it binammen yn it earstoan ek eamstich omtinken jown hat oan de tael. By it bisjen fan de earste ledelisten fan it Frysk Genoatskip wurdt it dúdlik dat de keam bistie út juristen en filologen. Mr. F. Binkes, mr. A. Deketh en mr. U.A. Evertsz bihearden ta de rjochterlike macht, mr. D.H. Beucker Andreae en J. van Leeuwen wiene griffier, mr. A. Telting wie advokaet. Filologen wiene de âlde Frjentsjerter professor De Crane, de Snitser rektor Hendrik Amersfoordt en de Ljouwerter konrektor | |
[pagina 48]
| |
J.D. Ankringa. Foar dizze lytse kliber kaem in rige fan jierren it measte wurk op, al mei ek Freerk Dirks Fontein, de Harnzer keapman-patrisiër, great samler en amateur-skiedkundige, priizge wurde foar syn flyt. Mr. Beucker Andreae, biwittenskippe op mannich gebiet en leafhabber mear fan de botany as fan de rjochterlike akten, stoar nammers al yn 1828. Syn visy kin hjirút blike dat hy al pleite foar Frysk ûnderwiis op 'e skoallen. As syn bitsjutting minder great is as dy fan mannen as J.H. Halbertsma en Rinse Posthumus, dan komt dat allinne om't hy lang sa âld net wurden is. Gemien hiene de juristen en filiologen har bilangstelling foar it forline en as wichtich part fan it wurk waerd daliks sjoen it sammeljen en útjaen fan âlde hânskriften. Hendrik Amersfoordt, dy't al earder mei ds. H.W.C.A. Visser de kronyk fan Petrus fan Thabor útjown hie. biwurke nou de skriften fan Jancko Douwama (oan de authentisiteit dêrfan binne yn letter tiid twivels ûntstien), en stadichoan kaem in moaije rige âlde dokuminten (lyk as de nijsgjirrige kronyk fan Worp fan Thabor) yn boekfoarm út. Binammen yn dit soarte wurk kin it Frysk Genoatskip sjoen wurde as weardige foargonger fan de lettere Fryske Akademy. It is dat op biskate wize ek wol bleaun; allinne is yn 'e rin fan de tiid it elan forsloppe, foar in part mei't it Genoatskip stadichoan hwat isolearre rekke troch to min kontakt mei de mounich wurden folksmienskip. Hwa't speurt nei de politike idéen fan de Genoatskipsleden komt net fier. De nocht oan polityk wie de minsken nei 1800 linkendewei forgien; en doe't de Frânsken fuort wiene, woene (alteast yn Noardnederlân) de lju yn liedende rounten mar al to graech leauwe dat Van Hogendorp yndied ‘alle partijschap’ wei-proklamearre hie. De maetskippij wie in klasse-maetskippij; en it kiesrjocht, aktyf en passyf, wie boun oan adeldom en census. Yn Fryslân bistie foar it earst in ridderskip dy't as aparte stân sit hie yn 'e Steaten. Oan dizze tastân hat pas de grounwet fan 1848 in ein makke. It wie sa ier yn de njoggentjinde ieu noch net ta oan politike forieningen. Wol makke yn 1834 de Ofskieding in ein oan de einliken ek by de godsfrede hearrende ienheit yn de herfoarme tsjerke, mar in massa-forskynsel wie it net en der waerd frijhwat skande fan sprutsen ûnder de fatsoenlike boargerij, wylst it regear sels in skoft mei gewelt regaed bisocht to meitsjen. Moai geef troch de Frânske tiid hinnekommen wie it yn 'e patriottetiid oprjochte Nut. Fan it bigjin ôf wie ûnder de leden it tal minnisten yn forhâlding heech. Al de tiid wie it in sintrum bleaun fan ûnderwiisbifoardering en folksfoarljochting en it hat wol eigenskip om it to sjen as in skeakel tusken it tiidrek fan de Forljochting en de trochbraek fan it | |
[pagina 49]
| |
Thorbeckiaensk liberalisme. Yn it al neamde stik ‘De harkers op it Boalserter Nut’ hat Halbertsma it ek noch even oer de tsjinsin foar it Nut oer ûnder de âlde fûle prinselju. Yn dit Nut nou hawwe forskate foaroansteande leden fan it Genoatskip en ek fan Constanter har graech hearre litten en op dy wize faeks meiholpen, de idéestream geande to hâlden yn in polityk kleurleaze tiid. Mar dat foroaret net folle oan it byld fan it Genoatskip as in sammelplak fan ta oansjen kommen boargers en yn oansjen bleaune reginten. Underwizers, dêr't it letter yn it Selskip fan 1844 fan optilde, kamen der hast net yn. Wopke de Jong fan St. Japik wie de earste skoalmaster dy't talitten waerd, mar dy sette ek Ovidius en Vergilius oer yn it Frysk. Hy wie boppedat ek in moai profilearre liberael. Letter waerd nochris in master Galema út Rinsumageast lid; nei't oannommen wurde mei út wurdearring foar de moaije tekeningen dy't hy makke fan âlde grêfstiennen. Hja bleauwen útsûnderingen. Foar gewoane minsken wie de kontribúsje nammers ek to heech; en boppedat moasten de leden sels it miel bitelje, dêr't hja by de algemiene gearkomsten oan forwachte waerden. Dr. Eeltsje Halbertsma bitanke al yn 1834 as lid. De reden hjirfan is wol bikend út inkelde brieven yn it Halbertsma-archyf: de geast foldie him net. De stive deftigens wearzge him en hy koe dy ek min kombinearje mei it ‘sûpen en fretten’ eftemei. ‘Es gibt Narren aller Art’, skreau er syn broer yn Dimter en sels hat er net ien fan dy Narren wêze wollen. Dr. Joast bleau wol (bûtengewoan) lid, mar hy koe him dêr oan 'e Isel ek maklik op in distânsje hâlde. Yn 1836 hat er foar it Genoatskip syn bikende rede holden oer de koartlyn forstoarne dichter J.C.P. Salverda: in treffend rûch stik yn de Fryske tael, dêr't er de jammerdearlikens fan dit dichtersbistean yn tekene sûnder in blêd foar de mûle to nimmen. Ut it jierforslach is tusken de rigels troch wol op to meitsjen hoe't it de leden yn it gemoed grypt hat; mar de oandwaning hat grif mingd west mei ûnnoflikens oer de direkte en ûngewosken trant dêr't Halbertsma it omkommen yn illinde yn biskreau fan in man dy't wolris priizge wie as in twadde Gysbert. De Halbertsma's hiene kontakt mei it folk en ûnderskaetten har binammen dêrtroch fan de measte leden fan it Frysk Genoatskip. Echte folkslju wiene hja dêrmei noch net; yn elts gefal Joast net, dy't in boarger-aristokraet neamd wurde kin, mei al syn nuvere oanslaggen en syn ûnbidigen niget oan it folkseigene. Mar ûnôfhinklik, wied er faek by it lompe om ôf en folslein ûngeskikt om him yn in formidden fan foarname lju op to sluten. En sa'n formidden wie it Frysk Genoatskip, dêr't al in | |
[pagina 50]
| |
pear jier nei de oprjochting stimmen yn opgyngen om to kommen ta in nomenklatuer fan de Fryske adel. Op himsels wie dat tige nuttich mei it each op it plak dat de foarname famyljes yn Fryslân ynnommen hiene. Mar mr. Binkes skreau it yn 1832 sa: ‘Na het bedaren van den storm’ (yn it bigjin fan de sechtjinde ieu) ‘hoe edel vertoont zich Frieslands adel’. It wie alhiel Joast Halbertsma, Leids doctor honoris causa sûnt koart, om mei syn navrant forhael oer it lot fan in man fan talinten út it folk ris hwat hearre to litten dat him yn Fryslân net sa edel fortoande. Der sil oer dr. J.H. Halbertsma, it fier orakel, noch folle sein wurde moatte. Jierren letter, yn 1877, hat Wopke Eekhoff yn in bitinkingsstik by it fyftichjierrich bistean fan it Genoatskip syn ôfsidigens by it measte Genoatskipswurk taskreaun oan syn foarkar foar de studearkeamer. De wierheit lykwols is dat Halbertsma syn leafde foar de studearkeamer him net bihindere hat hiel hwat mear to reizgjen as Eekhoff. Eekhoff neamde nammers noch in oar lid dat almeast de studearkeamer foar kar nommen hie: domeny Rinse Posthumus. Yn dit gefal is de wierheit, dat Posthumus wòl tige in folksman wêze wollen hat. Hy wie liberael en op syn wize sosiael en hat yn ytlike brosjueres war dien it ‘swijend Fryslân’ wekker to roppen. It wie in stribjen dat yn elts gefal oars rjochte wie as it sykjen fan de gloarje fan it forline dêr't it Genoatskip him sa tige op útlei. Wy moatte lykwols oppasse mei it bioardieljen fan it Frysk Genoatskip op de motiven en kwaliteiten fan dejingen dy't der hiel of heal bûten stiene. In man as mr. Van Halmael hat der al syn libben gjin lid fan west sûnder dat dúdlik is hwerom. Eekhoff, dy't nea om wurden forlegen wie, hat letter skreaun: ‘Hij was een Friesch Genootschap op zichzelf’. Mear as in frase is dat net. Hoe dan ek, it Frysk Genoatskip moat woegen wurde op syn eigen dieden en syn eigen mannen. Ien fan de nijsgjirrichste dieden yn de bigjinjierren hat west it útjaen fan in Frysk jierboekje. As eksperimint kin it net sa slagge neamd wurde om't der mar seis nûmers fan útkommen binne; mar dat nimt net wei dat dy seis nûmers hearre ta it aerdichst printe materiael út de bigjintiid fan de Fryske biweging. Ien fan dejingen dy't foarstap nommen hawwe foar de útjefte wie J.D. Ankringa. By him siet foar ‘niet zozeer de Landbewoners, als wel de Stedelingen smaak voor hunne vergetene moedertael bij te brengen’. In tige meistanner wie mr. A. Telting. Mei dizze twa hiene J. van Leeuwen en mr. A. Deketh it ‘toevoorzicht’. Der sit hast hwat oandwaenliks yn om it Genoatskip op syn Frysk oan it dichtsjen en skriuwen to sjen. Ankringa bisjongt kening Willem I: ‘Nearne iz yen Lân, so wol bihearre, trog socken deugdsum Foarst’. It stiet yn it earste nûmer, forskynd foar de Belgyske opstân, doe't de kening | |
[pagina 51]
| |
It Friesch Jierboeckjen, in goed miend ûndernimmen yn duodecimo fan it Frysk Genoatskip.
Der binne seis jiergongen fan forskynd. It boekje paste wol by it doel fan it Genoatskip lyk as dat op papier stie, mar net by de geast fan fierwel de measte leden. *
noch gou as patroan fan de godsfrede tusken boargers en regintefamyljes yn in stil lân. Ek dr. E. Halbertsma en ds. R. Posthumus droegen fersen by; en mr. A. Telting heve yn it nûmer fan 1830 de finger oer it forslofkjen fan de tael - ‘Koe Friesne basterdteam, fij, âdmems teal forjitte’ - om dan to antwurdzjen: ‘Dogs luwckt jae d'holl' wer op, ja bliereag't az de sinne’. Lykwols, lang duorre it feest net. Nei it twadde nûmer kaem der al stagnaesje. De Belgen hiene sa dryst west, tsjin de deugdsume foarst yn opstân to kommen; Telting en Deketh rekken ûnder tsjinst en dat wie ek it lot fan mr. Jacob Roorda, ien fan de jongste en net de minste ûnder de Wassenberghers en skriuwer fan romantysk wurk yn it jierboekje. Pas yn 1832 kaem it tredde nûmer út, mei as pièce de résistance de earste ôflevering fan in ‘Kirt oersicht oer Frieslâns schijdnis fenne fierste tijd | |
[pagina 52]
| |
oon it jier 1814 to’. Mr. Van Halmael wie de skriuwer, mar it wie ‘forfriesche trog yen fenne Forgearers’. De ‘forgearers’ moasten nammers wol forfryskje, hwant de meiwurking hold net oer. It wie ek ûngelokkich dat mr. Jacob Roorda yn 1834 yn Brabân stoar as luitenant yn it leger fan Willem I. Mei Van Halmael syn ‘Kirt oersicht’ en mei J.H. Halbertsma syn útstel oer de stavering fan it Frysk kamen de lêste nûmers mei lijen en nammers op in oare wize as bidoeld wie ta stân. Nei 1835 wie it út. It ûntbriek oan meiwurking; dêr hie yn in jierforslach alris in klacht oer stien. De djippere reden wie fansels dat it jierboekje min oan ien stik wei in oar ding wêze koe as strike mei de geast en de tael fan it Genoatskip sels. De gebrûkstael fan it Genoatskip wie it Hollânsk en de foriening hie mar in kromke hâld yn it Fryske folk. Woe it net isolearre reitsje, dan moast it yn de Hollânske tael kontakten ûnderhâlde mei oare skiedkundige forieningen bûten de provinsje. It jierforslach 1835/'36 komt der earlik foar út. ‘Ook twijfelde men er aan, of, bij de weinige bekendheid onzer landstaal in andere gewesten, de bekendheid met het Genootschap door de uitgave van zoodanig in het Friesch geschreven mengelwerk, buitenaf wel merkelijk zoude worden bevorderd’. De útwei waerd foun yn it bislút, op útstel fan Hendrik Amersfoordt, ta útjefte fan skied-, âldheit- en taelkundich ‘mengelwerk in de Nederduitse taal, alsmede van stukken, zoowel in prosa als dichtmaat, in eenig oud of nieuw Friesch dialekt opgesteld’. Dit hat de berte-akte west fan ‘De Vrije Fries’, dy't fan 1840 ôf ûnregelmjittich en letter op fêstere tiden oant hjoed de dei útkommen is, sûnt 1955 yn oparbeidzjen mei de Fryske Akademy. Yn de lange rige ôfleveringen fan ‘De Vrije Fries’ is in respektabel tal wichtige en nijsgjirrige stúdzjes to finen op it Fryske mêd. Mar it Frysk is der yn ‘De Vrije Fries’ bikaeid ôfkommen yn de ieu nei 1840, al ûntbrekt it net alhiel. Pas nei de lêste oarloch is dat stadichoan foroare. Foar de folsleinens moat hjir oan tafoege wurde dat fan 1836 ôf (it earste jier dus dat it jierboekje net mear útkaem) de ‘Friesche Volksalmanak’ forskynd is; in tiidwurkje dat folksaerdiger wie as ‘De Vrije Fries’ en ek hiel hwat wurk yn de Fryske tael jown hat. It hat wol eigenskip, it as opfolger fan it jierboekje to sjen, ek al om't de redakteuren almeast út it Genoatskip kamen. Earste útjower wie Schierbeek, by hwa't Wopke Eekhoff syn oplieding hawn hat. Eekhoff wie fan 1834 ôf lid fan it Genoatskip; letter soed er dêrre in wichtige posysje yn krije. Hy hat ek anneks west mei de ‘Friesche Volksalmanak’. In losse bân tusken Genoatskip en Almanak is lang bistean bleaun. | |
[pagina 53]
| |
De Vrije Fries, titelpagina fan it earste diel. Mei dizze sammelbondels koe it Genoalskip better
út 'e wei as mei it (Frysk) Jierboekje dat net mei syn geast oerienkaem. *
|