Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 24]
| |
It 18e-ieuske bigjinNije geastesstreamingen - Opkommende middenklasse - Oanfallen op de oligarchy - Frjentsjer as sintrum fan forset en fan Frysk ûntweitsjen - Everwinus Wassenbergh - De bidaerde revolúsje en de Frânske tiid.Ien greate oanfal hat yn de sawntjinde ieu de grytmanne-adel to forduorjen hawn op syn macht. Dat wie yn it rampjier 1672, doe't út de boargerij fan Ljouwert aksje kaem tsjin de misbrûken fan it regear. In gearkomste fan domeny's út de hiele provinsje joech stipe oan de biswieren en yn de goaën kaem doe it forset los. It foarnaemste doel wie, de grytmannen to forbaljen út de Steaten dêr't hja nammers neffens de regleminten gjin sit yn hawwe mochten. It stribjen mislearre, ek al troch ûnienigens tusken de goaën en de stêdden; mar de oligarchy siet boppedat fiersto fêst yn it seal om samar wipt wurde to kinnen. Der kaem noch by dat de steedhâlderlike famylje, hoe graech hja ek forgreating fan de eigen macht troch tadwaen fan de ûntofredenen akseptearre, neat fielde foar forgreating fan de macht fan it ‘gemeen’. Tsjin it midden fan de achttjinde ieu boaze de forhâlding tusken boargerij en oligarchy stadich wer oan. De stêdden bigounen foargoed to fornimmen dat de fleur fan de gouden ieu foarby wie, en op it boerelân ware de fépest om. Tagelyk forsterke de reginte-adel syn politike en ekonomyske macht. De boargerij yn de stêdden en de greatere doarpen makke in moai differinsiearre laech út. Boppenoan stiene de Frjentsjerter professors en dan kamen de domeny's, de lytse yndustriëlen, de lju fan de frije biroppen (binammen juristen) en de keap- en ambachtslju. Ta it middenskift hearden ek de eigenierde en frijhwat hierde boeren en op 'e grinsskieding ûnderoan wie it ûnrêstige elemint fan de doarpsskoalmasters to finenGa naar eind1.. Apart meije noch wol neamd wurde de minniste oefeners, in lytse kliber mar wichtich troch har emansipaesjedriuw yn in tiid, doe't binammen de doarpsdomeny's fiks ûnder de kwint fan de reginte-adel rekke wiene. It forskaet fan biroppen wie sa great net as yn Hollân; mar hjirre lyk as yn Hollân libben yn dizze tuskenlaech de krêften fan foroaring en fornijing. De foroaringen kundigen har oan yn it geasteslibben fan de lettere achttjinde ieu, doe't it rasionalisme stadich oergyng yn de forljochting. It rasionalisme wie de streaming dy't de geast frijmeitsje woe fan by- en wûnderleauwe (lyk as de Fryske domeny Balthasar Bekker bisocht yn syn | |
[pagina 25]
| |
boek ‘De Betoverde Werelt’): de forljochting foege dêr de diminsje fan maetskippijkrityk oan ta, hwerby't in birop dien waerd op, nei't ornearre waerd, troch de natûr jowne seedlike noarmen. Tradisionele machten en maetskiplike forhâldingen, dy't net oan dizze noarmen foldiene, waerden op dizze wize yn 'e kiif steld. De reboelje yn 1748 en 1749, it saneamde Doeliste-oproer, mei syn brânstifting, gewelt en mâltjirgerij op folle plakken, liet ek noch hiel hwat oars sjen, ntl. oarderlik en goed organisearre optsjen fan de niisneamde tuskenlaech nei Ljouwert foar ûnderhannelingen mei it regearGa naar eind2.. Dizze ‘gecomitteerden’ fan it folk hiene harren twivels sawol oan de rjochtlikens as oan de rjochtfeardigens fan it biwâld to Ljouwert. Hwat harrren ûntbriek wiene steatkundige idéen oer hoe't il oars moast. By harren libbe krêftich de mythe fan in forline, doe't der mear frijheit en minder ûnderhearrigens hjitte west to hawwen, en dêr woene hja ek nei werom. Mar as middel dêrta seagen hja gjin oar as it forgreatsjen fan de macht fan de steedhâlder op kosten fan de reginten. It keam del op it ek út oare lannen wol bikende skema fan folk en foarst tsjin de adel, en folle nijichheit wie dêr net oan. Der is oer il Doeliste-oproer hiel wol hwat aerdichs to fortellen, mar dat moat dan ophâlde sadré't it oankomt op de risseltaten. De steedhâlder hat syn greatere macht krige, mar hy siet al yn Den Haech en gammele boppedal frijhwat. Folle foroare is der net, al is de regintemacht net hielendal sûnder wryt of slyt út de reboelje weikommen. Yn elts gefal hie de boargerij gjin reden om tige tofreden to wêzen, De lytse fortuten fan 1748 en 1749 hawwe fan greale ynfloed west op de lettere gong fan saken yn Fryslân. Yn earsten kuollen lykwols, ek al mei't de tiden better waerden, de hollen wer hwat ôf. Mar de idéen fan de forljochting wurken wol fierder troch. Wichtich yn de ûntjowing nei in oar tiidrek hal ek it oanpart west fan de Frjentsjerter hegeskoalle. Dat oanpart bistie yn it earstoan binammen yn it greatere omtinken dat jown waerd oan it Gryksk, nei lange jierren dêr't it Latyn einliken allesoerhearskjend yn west hie by alle geleardens, de theology net it minst. By it Gryksk wie it fansels gjin kwestje fan de tael allinne: it hiele humanistyske erfskip fan it âlde Hellas kaem wer ta libben. De earste greate Graecus to Frjentsjer wie de forneamde Tiberius Hemsterhuis. Hy is letter nei Leiden gien, en in biskriuwing fan syn opfettingen en oanhing (de Schola Hemsterhusiana) falt bûten it ramt fan dit boek. Mar syn opfolger, de Ljouwerter Lodewijk Casper Valckenaer, wie al hwat tichter by hwat troch it forlizzen fan it aksint nei it Gryksk hast net útbliuwe koe: bilangstelling foar eigen erfskip en eigen tael. Ek hy gyng nei forrin fan | |
[pagina 26]
| |
Everwinus Wassenbergh, Frjenisjerter professor, taelgelearde en Gysberskenner dy't oan it
bigjin stiet fan de Fryske biweging. **
tiid nei Leiden, mar W.B.S. Boeles yn syn skiednis fan de Frjentsjerter hegeskoalle biskriuwt him as in man mei in fûleinige leafde foar it heitelân. Nei him kaem Everwinus Wassenbergh; de man dy't hast sûnder it to witten of to wollen de grounslach lein hat fan de Fryske biweging. Der is gjin reden om to mienen dat it pionierskip him yn it bloed sitten hat. Mar de ûnrêst fan de foroarjende tiden hat hy wol field en yn elts gefal hearde hy folslein thús yn de rounte dy't troch it emansipearjen út de latynske oerhearsking each krigen hie foar de bitsjutting fan eigen folk en tael. En om't er nou ienkear in Fries wie krige er ek to meitsjen mei it feit dat it | |
[pagina 27]
| |
Frysk yn de ûnderwâl siet, forhouneloarte en forearme yn in proses fan in ieu of trije. Dat omtinken foar Fryslân en syn tael hat gjin parallel foun yn de polityk. Bigryplik is dat wol, om't it Uny-federalisme swier korrupt wurden wie en nije streamingen it hast fansels sykje moasten yn in oplossing sûnder federalisme. De eigen steedhâlder as symboal fan de Fryske selsstannigens bistie nammers sûnt 1748 net mear en hwat hy neilitten hie, wie net de hûgenis oan in polityk der't it folk syn plak en syn kâns yn krige, al wie de regintemacht hjir en dêr dan ek hwat oan bannen lein. Yn hiele Nederlân ûntstie stadichoan in stribjen nei in regear op oare grounslaggen; nei in brekken mei it stelsel fan de Uny dat de macht yn hannen jown hie fan lytse reginte-klibers dy't mei de steedhâlder ûnder ien tekken skûlen. Dêr siet hast needsaeklik in ienheits-idé yn: ien foarm fan rjochtlikens, gelikensens en frijheit ynpleats fan de eigenwille fan in mannichte fan machten dêr't it folk bûten stie. De skoalmaster Foeke Sjoerds, dy't oan in skiednis fan Fryslân bigoun om't by Wagenaar, nei syn bitinken, Fryslân syn gerak net krige hie, seach Fryslân dochs dúdlik as stik fan in greater Nederlânsk gehiel; hy wie ien fan de Doelisten yn 1748/'49 en foar provinsiael skiedskriuwer is hy nea yn de bineaming kommen. De Harnzer dokter Simon Stijl. in jier of tweintich jonger, skreau in folsleine skiednis fan de Nederlânske republyk en wie nei de revolúsje fan 1795 in skoft politikus yn patriotske styl. De demokratyske idéen, dy't nei 1748 stadichoan opkommen wiene, krigen by it bigjin fan de tachtiger jieren in fûle oanfitering troch in rige fan oarsaken. Yn 1781 kaem it forneamde anonime stik út tsjin it Oranjehûs: ‘Aan het Volk van Nederland’. Goed skreaun en dokumintearre makke it in greate yndruk yn in lân dêr't de geasten al moai lang fetber wurden wiene foar krityk. Oat Joan Derk van der Capellen tot den Poll de skriuwer wie is pas folle letter bikend wurden. Dizze oanfal foel moai gear mei it jammerlik forrin fan de fjirde Ingelske oarloch en in rige fan ekonomyske tsjinstuiten. Steedhâlder Willem V, mounich wurden yn 1766 op syn achttjinde jier, wie stiifhollich en net bitocht mei oerdiedich folle takt. Syn rjochterhân, de hartoch fan Brunswyk, hie it stadichoan by eltsenien forbruid. Doe't hy yn 1783 einlings ôfgyng (binammen ek troch presje út Fryslân) wie de posysje fan de steedhâlder al sahwat ûnhâldber. It ûntweitsjen fan in polityk libben joech yn Fryslân yn it earstoan in nuver ding to sjen, ntl. in oparbeidzjen fan de demokraten (dat wol sizze: de Fryske patriotten) mei de aristokraten: konservative reginten, dy't ek tsjin de steedhâlder wiene. Mar de botsing tusken de beide streamingen kaem, sadré't de aristokraten bigrepen hiene dat de demokraten it op | |
[pagina 28]
| |
Coert Lambertus van Beyma, maet fan Joan Derk van der Capellen yn 'e striid tsjin de
steedhâlderlike macht; roerich Frysk steatsman út de neidagen fan de Republyk en it bigjin fan
it ‘Bataefske’ tiidrek. **
harren macht forsjoen hiene; en doe wie gjin formoedsoening mear mooglik. Lieders fan de demokraten wiene Coert Lambertus van Beyma, sels in regintetelch, en Johan Valckenaer (in soan fan Lodewijk Casper), professor yn de rjochten to Frjentsjer. It wie ek to Frjentsjer dêr't him it bigjin fan in revolúsje ôfspile; in heechtij fan it Fryske patriottisme dat tagelyk syn ein waerd. Nou wie it yn hiele Fryslân yn de tachtiger jierren | |
[pagina 29]
| |
al kommen ta it oprjochtsjen fan lêsselskippen, boargersosiëteiten en eksersysjegenoatskippen. Twa omstannichheden makken lykwols Frjentsjer ta in sintrum: it wie ien fan de stêdden dy't frij bleaun wiene fan steedhâlderlike macht by it oanwizen fan de magistraet, en by de hegeskoalle hie it patriottisme in greate oanhing. It earste greate konflikt kaem yn 1786. Yn de yn dat jier oprjochte boargersosiëteit hiene fjouwer heechleararen sit, en Johan Valckenaer wie presidint. Dizze fjouwer kamen dêrmei yn de boegen earst mei de aristokratyske kuratoren en letter mei de yn meartal aristokratyske Steaten. Om't hja stiif yn 'e skuon stiene roun it út op in likernôch twongen ûntslach fan it hiele kwartet (Valckenaer, Coopmans, van Kooten en Manger). Dit bûtenwenstich barren, dêr't de foarnaemste boargers fan Fryslân yn bitrutsen wiene, joech in machtigen triuw nei it revolúsjebisykjen yn 1787, dat û.o. bistie yn it foarmjen fan in eigen Steategearkomste yn it patriotske Frjentsjer. Yn haedsaek wie dat it wurk fan C.L. van Beyma. Valckenaer hie leaver ôfwachtsje wollen; nammers, men moat jin bisauwe hoe rêstich de tael en hoe bidêst de hâlding wie fan de ûntsleine professors. De fûleinigens siet minder yn Frjentsjer as yn Ljouwert, dêr't it oligarchysk biwâld hwat langer hwat banger waerd. Yn Hôllan, Oerisel en Grinslân wiene de demokraten al baes; it wetter bigoun nou ek de Fryske grytmanne-aristokrasy nei de lippen to stigen. Dan demokratyske kant ûntbriek it net oan fûle manifesten fan de boargersosiëteiten dy't trochtaeste woene. En trochtaeste woene ek de Frjentsjerter Steaten. De demokraten hiene de Súdwesthoeke al moai aerdich yn hannen, doe't de Prusen kamen. Oer hwat der oars barre kind hie, is allinne mar spekulaesje mooglik. Sa't it wie hie it famyljeregear, nou fêst forboun mei de ek út hege need rêdden steedhâlder, syn bistean to'n earsten noch wer rêdden. Der bleauwen oer in démoedich Frjentsjer en in yn it hert troffen hegeskoalle. Mei de fjouwer heechleararen wie ek in fiks tal studinten fordwoun en fangefolgen wie de hegeskoalle in ôftakke en ûnfolslein ding wurden: to min dosinten en to min studinten. Hiel muoisum waerden de fakatueres wer opfold en hiel muoisum ek waerden de kolleezjes fuortset; mar de swide rom dy't ienris fan Frjentsjer útgie, wie foargoed forgien. Faeks is it hwat ûnkrekt om to sizzen dat Everwinus Wassenbergh net by de opstannigen heard hat. Yn elts gefal hat hy honorair lid west fan in patriotsk eksersysjegenoatskip. Mar in helt wied er net; en yn 'e einfase hied er him op 'e eftergroun holden. Hy wie to irenysk foar it fûleinich polityk bidriuw en faeks ek to Frysk om him thús to fielen tusken de trochsetterige anti-federalisten. Dat lêste mei men oannimme, al blykt it net dúdlik út syn | |
[pagina 30]
| |
korrespondinsje. Hwat dêr lykwols al út blykt is in bilangstelling foar Gysbert Japiks, foar Fryske skriften yn it algemien en foar Fryske sizwizen en dialekten, dy't min past yn de idé fan de iene en ûndielbere steat, dêr't fansels ek mar plak yn wêze soe foar ien tael. Yn syn stúdzjes op it Fryske mêd, printe ûnder de titel ‘Taalkundige bijdragen tot den Frieschen tongval’, en binammen yn de bledsiden dy't er oan Gysbert Japiks wijt, komt jin de man tomjitte dy't de forbining siket tusken de klassiken en de folkstael. En just as klassikus is hy optein oer in dichter as Gysbert Japiks dy't sa dúdlik en oertsjûgjend de mooglikheden fan de Fryske tael biwiisd hat. Hjir is al hwat to merkbiten fan de geast fan de romantyk, dêr't letter in moai greate rounte fan Wassenbergh syn learlingen sa tige troch bisiele wie. Dizze romantyk, dy't in Europeesk forskynsel wie, kin foar in part sjoen wurde as in fierdere ûntjowing fan de gefoelskrêften, dy't al los rekke wiene yn de Forljochting. De gefoelskrêften wurde dan stadichoan in réaksje op de plechtige en selsynnommen reedlikens. Mar in ûnmisbere komponint komt der pas letter by troch it folke-ûntweitsjen yn en nei de Frânske tiid: in nasionalisme dat him sterket oan deugd, krêft en moed fan it forline. In ienling wie Wassenbergh nammers net. Earder yn de achttjinde ieu (1755) hiene heit en soan Althuysen 101 psalmen útjown yn in Fryske oersetting en dêrop sels de goedkarring krige fan de Synoade, sij it net sûnder help fan trije grytmannen fan de moderne styl. In wichtich en great wurk wie it Frysk Charterboek, op lêst fan de Steaten gearstald troch Georg Frederik van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, ek in man fan nije idéen en meistanner fan C.L. van Beyma. Fierders is dêr de samling ‘Oude Friesche Wetten’, útkommen tusken 1782 en 1788, as biwiis fan wittenskiplike bilangstelling foar it Frysk forline; gearstallers wiene de juristen Wierdsma en Brantsma. Yn 1787 bigounen de neidagen fan it Fryske famyljebiwâld: in stille tiid, om't de greate rebellen to St. Omer yn Frankryk sieten en in rige lytsere yn elts gefal bûten de provinsje. Eise Eisinga, de Frjentsjerter planetariumbouwer, hat in skoft moai feilich wenne to Visvliet, krekt oer de grins yn Grinslân. De Frjentsjerter hegeskoalle slepe syn heukerich bistean troch. Wassenbergh, al hied er syn moed net, hold dochs hoek. De Nederlânske kolleezjes dy't er bigoun to jaen wiene in greate nijichheit; mar opteinens brocht er yn de lytse studinterounte mei syn privatissimum oer Gysbert Japiks. En yn 1790 by de rektoraetsoerdracht utere hy de winsk dat der in Frysk geleard selskip ta stân komme soe, der by sizzend lykwols dat de kâns dêrop him net great like. Dat hie hy fansels ek wol goed sjoen. Der wie deadskens rounom, nou't de opposysje tsjin it famyljeregear | |
[pagina 31]
| |
Titelpagina fan it earste stik fan Wassenbergh syn publikaesjes oer de Fryske tael. *
| |
[pagina 32]
| |
òf bûten de grinzen forkearde òf him mei goede reden stilhold. Domeny Paul Mathias Kesler fan Dronryp, dy't nei oanlieding fan teksten út Spreuken en Jeremia in pear foar de hearskjende macht net sa freonlike preken hold, bidarre yn it tichthûs en kaem dêr pas út by de omkear twa jier letter. Op de frijens fan utering, dy't yn de Republyk altyd moai great west hie, lei alteast yn Fryslân yn dizze lêste jierren fan de Uny foargoed it near. De wûnderlike revolúsje fan 1795 makke in ein oan de regintemacht yn hiele Noardnederlân. It wie in ein hast sûnder forset en yn elts gefal sûnder gloarje. De Frânske ynfal hie fansels de machtsmiddels fan de Uny en de (ûndertusken flechte) steedhâlder bûten wurking steld, mar tekens fan spyt dat it sa wie, wiene der net folle. It wie ommers ek sa, dat acht jier earder sûnder tuskenkomst fan de Prusen de forâldere en forwurden oarder fan de Republyk it nei alle gedachten al net mear rêdden hie. Sa wie 1795 it jier fan de oerwinning fan de patriotske boargerij dy't sa tige nei seedlikens en deugd stribbe, bitsjûgjend dat it dêr op oan kaem en net op hege ôfkomst. De boargers woene har wurdtsje meisprekke kinne, mar wiene der lykwols fier fan ôf dat rjocht ek to gunnen oan de legere klassen. Yn de tachtiger jierren hie dat al bliken dien, doe't ‘het gemeen’ sa soarchsum bûten de eksersysjegenoatskippen holden waerd. Yn Fryslân stie de ‘offisiële’ revolúsje ûnder lieding fan Daam Fockema, E.M. van Beyma en ds. Th. Joha. Daam Fockema wie in jong advokaet, soan fan in patriotske Dokkumer boargemaster dy't nei de restauraesje fan 1787 in pear jier sitten hie op it Ljouwerter blokhûs. E.M. Van Beyma wie in broer fan Coert Lambertus, meistanner fan dy ek yn mannich stik, mar oertsjûge federalist en evenrediger fan wêzen. Domeny Joha fan Reitsum wie in forljocht man dy't de deugd ‘de grondzuil’ fan de steat neamde. Yn de revolúsjetael hjitten hja fansels alle trije ‘boargers’, mar boarger Fockema en boarger Van Beyma wiene dochs telgen út regintefamyljes. Eelco Verwijs hat ris hwat publisearre út de neilitten papieren fan Daam FockemaGa naar eind3. dat nijsgjirrige oanwizing docht oer de wize hwerop de hegere stân dochs de triedden yn hannen hold. Der blykt út dat Fockema de rie krige om to soargjen dat de ‘fatsoenlyke classe’ har sjen liet yn de lêsselskippen, dy't binammen yn Ljouwert mar ek op oare plakken oprjochte wiene doe't de tekens fan foroaring dúdlik waerden. Fockema sels lies yn sa'n lêsselskip foar út in krante mei nijs oer hwat him by it kommen fan de Frânsken yn Amsterdam ôfspile hie; hwant dêr bigoun de revolúsje earder as yn Ljouwert en it nijs kaem net maklik oer, om't troch de fûle winter fan 1794/'95 gjin skippen fearen. Sein kin wurde dat it | |
[pagina 33]
| |
Daam Fockema, yn 1795 ien fan de trije útfierders fan de ‘bidaerde’ revolúsje en in ûnforwrigber
federalist. **
niisneamde trijemanskip de fortsjinwurdiging wie fan it dimmene part fan de rebellen fan 1787. Doe't de Frânsken ek yn Fryslân delsetten kamen, hold it sêftsedich regaed út namme fan it saneamde ‘Comité Revolutionnairre Provincial’. It liet de minsken oarderlik dounsje om de frijheitsbeam en sette fierdersoan op weardige wize earst de steds- en gritenijbistjûren en doe ek de Steaten ôf. De lêsten, dy't tofoaren noch forgees bisocht hiene har bistean to rêdden troch ûnderhannelingen mei de Frânsken, krigen to hearren dat ‘het volk zijn onvervreemdbare regten | |
[pagina 34]
| |
herneemt’, mar dat hja feilich nei hûs ta gean koene om't de hillige rjochten fan de minske, oars as ûnder ‘den Tyran Willem den Vijfden’ earbiedige waerden. Sa moai en edel bleau it net. It trijemanskip, eksponint fan de federalistyske rjochting ûnder de demokraten, woe wol in foroaring fan hwat Daam Fockema ‘het staatsgestel’ neamde, mar gjin ienheitssteat. Dat wie ek it stânpunt fan fierwei de measte lju út de ‘fatsoenlyke classe’, dy't troch har forljochte idéen tsjinstanners wiene fan it famyljebiwâld. Dizze rjochting wie it ek dy't yn 't earstoan oerhearske yn Fryslân, sawol by de Provisionele Representanten as letter by de Representanten, de opfolgers fan de eardere Steaten. Dizze Representanten wiene net ré om mei to helpen oan it gearstallen fan in saneamde Nationale Vergadering, dy't in nije bistjûrsynrjochting opstelle moast foar de iene en ûndielbere steat. De politike omkear wie dan wol needsaeklik; mar it sintralisme neffens de Frânske revolusionaire opfettingen gyng harren fiersto fier. De Fryske ôffurdigen yn de Haechske Steaten-Generael (it âlde sintrale orgaen mei fansels nije leden) kearden sa lang't hja koene mei Sélân en Grinslân dy Nationale Vergadering op. Hiel lang wie dat net. It sil wol sa wêze dat it federalisme fan it trijemanskip en fan de Representanten to Ljouwert fan in oar alloai wie as dat fan de út har stuollen reage reginten fan de âlde styl; mar dat wie net foar elkenien dúdlik. Foar it ynienen yn de politike striid bihelle folk wiene der, nei't it bliken die, mar twa rjochtingen: aristokrasy en dat wie federalisme, en demokrasy en dat wie frijheit en gelikensens yn in ienheitssteal. It trijemanskip hie himsels ûntboun om't nei syn bitinken de revolúsje foltôge wie. It folk kaem einliken pas neitiid goed yn biweging. De folkssosiëteiten wiene wer ta libben kommen en binammen de Ljouwerter ûnder lieding fan de minniste domeny Abraham Staal wie in radikalen-ien. Radikael wie ek de Ljouwerter munisipaliteit: de froedskip nije styl. Yn dy rounten hie de ‘fatsoenlike classe’ de lieding forlern. Ut Ljouwert wei waerd de rop om in Nationale Vergadering hieltyd lûder. Der ûntstie in tsjinstelling tusken de Representanten, dêr't mar in fjirdepart fan as radikael jilde koe, en it radikale Ljouwert. Wol wie der iensens oer de needsaek om de tsjerken to suverjen fan de symboalen fan ‘slavernij’: adellike buorden, skylden en wapens; mar it fornielen fan de stienten en it skeinen fan de grêven fan de Nassau's yn de Ljouwerter greate tsjerke yn augustus 1795 gyng fier boppe de ‘decreten’ út. It wie it bigjin fan in lytse anti-aristokratyske byldestoarm oer de provinsje. Yn Ljouwert hawwe de lânsboumaster en de stedstimmerman der by west, faeks mei it doel de saek hwat yn de stringen to hâlden, hwat dan net | |
[pagina 35]
| |
Lêsselskip, boargersosiëteit. It skilderij fan Tj. Eernstman is fan nei de Frânske tiid, doe't
somlike tradysjes út de jierren dêrfoar wer yn eare kamen. *
slagge is. Protesten yn de Representantegearkomsten skine bûten Ljouwert noch wol hwat fornielingen opkeard to hawwen. Yn Ljouwert hat de munisipaliteit de adellike wapens en de famyljeportretten fan de steedhâlders iepentlik forbaerne litten. It hie tofoaren hwat to moai west om wier to wêzen. Tofolle hate en wrok hiene har net útlibje kinnen. Doe't de Fryske ôffurdigen yn Den Haech fuortfarden mei biswier to meitsjen tsjin in Nationale Vergadering hawwe de Ljouwerter ‘Jakobijnen’ yn jannewaris 1796 út namme fan it sintrael orgaen fan de Fryske folkssosiëteiten en mei stipe fan de Frânske ofsieren, dy't it garnizoen foar in deimannich út Ljouwert weihellen, de macht grypt en regaed makke, nei't in kontra-aksje ûnder lieding fan domeny Joha en de Representanten-griffier Reinier Dibbets mislearre wie. De Representanten waerden yn febrewaris nei hûs stjûrd. De rjochting fan de ienheit hie it woun troch gewelt en soe dat fierdersoan op mear plakken dwaen. Sûnder gewelt gyng it net, hwant ek de Nationale Vergadering, dy't net langer op to kearen wie, blykte alhielendal net sa unitarysk to wêzen dat hja oan de perfekte iene en ûndielbare republyk | |
[pagina 36]
| |
woe. In twadde Nationale Vergadering brocht neat oars as forskerpe forhâldingen. De Hollânske patriottyske ultra's waerden yn 'e stokken holden troch de ôffurdigen fan de lânprovinsjes. It slagge de grounwetskommisje net ta in útdragen saek to kommen. De (earste) steatsgreep fan 1798, dy't de federalisten foar it greatste part útskeakele, makke einlings de baen frij foar de nije grounwet, dy't radikael ôfweefde mei de provinsjes: der kamen departeminten mei folslein oare grinzen. Fryslân waerd trochsnien; it greatste (noardlike) stik waerd diel fan it departemint fan de Iems, dêr't ek Grinslân ta bihearde. Ljouwert wie de haedstêd. It is in tastân dy't mar trije jier duorre hat, mar dochs yn de skiednis sjoen wurde kin as in caesuer. De ien-en-ûndielberens hie it woun by brek oan in oannimlik federael alternatyf. Der is yn it Nederlân fan de lêste tweintich jier fan de achttjinde ieu wol sjoen nei de jonge Foriene Steaten fan Noard-Amearika, mar de grounidé fan it steatswêzen dêrre wie dochs net goed bigrepen yn de maetskippij hjirre dy't sa tige boud wie op stannehiërarchy. En as dêrom frege wurdt oft yn 1798 de Fryske frijheit net foar de twadde kear forlern gien is, dan kin it antwurd in oare fraech wêze: hwat wie der ûnder de Republyk langer noch fan dy frijheit oer? De steedhâlder yn Den Haech, it regear in klubke fan aristokratyske profiteurs, de boeren (dêr't it midsieuske steatswêzen almeast op dreau) lytsman makke, dat hie mei frijheit net safolle mear to meitsjen. De Bataefske republyk hat gjin frijheit weinommen. Der wie in rom kiesrjocht (yn treppen) foar it parlemint en der wie ek in romme emansipaesje fan boargerij en net-grifformearde rjochtingen. De oligarchy waerd ûnttroane, en neat wie needsaekliker. It bliuwt spitich dat net in goed federalisme de oerhân krige hat, lyk as dat him troch alle reboelje en frjemde hearskippij hanthavene hat yn Switserlân. Mar yn Switserlân hiene de kantons mei har ier brekken mei alle monarchale en feodale tradysjes, mei har forskaet oan kultuer en ek troch har ôfslettenens altyd folle better har identiteit biwarre as de Nederlânske provinsjes. It Nederlân fan de sawn provinsjes hie oant fier yn de achttjinde ieu op in politike greatmacht west, en it monarchale elemint wie bihâlden bleaun yn de steedhâlders, al stiene dy dan ek formeel yn tsjinst fan de Steaten. Histoarysk krekter is it om to sizzen dat it sintralisme fan de grounwet fan 1798 in net hielendal ûnbigryplike réaksje is op de korrupsje en de selssucht fan de hearskjende kaste yn de Uny. Men soe der oars noch hast ta komme kinne de skuld fan it Nederlânsk sintralisme to sykjen by de Ljouwerter folkssosiëteit dy't sa tige makke hat dat de Nationale Vergadering der kaem, tsjin it forset út de hoeke fan de federael tinkenden. To | |
[pagina 37]
| |
lang hie de praktyk fan it federalisme west dat it folk der wie foar de hearen en net oarsom. Daam Fockema en yn it algemien de federale rjochting onder de patriotten hiene it faeks wol oars hawwe wollen, en it kin jin muoije dat hy en syn meistanners troch de dynamyk fan de tiden sa gau oan 'e kant set binne. Dochs bliuwt it sa dat hja net de fakkeldragers wiene fan de nije tiid, mar de medisynmasters dy't fan de âlde noch hwat meitsje wollen hiene. Hja wiene bidaerde minsken oer hwa't in skoft de weagen folslein hinnespield binne. Twa fasen fan it patriottisme hawwe wichtich west: de earste yn de tachtiger jierren fan de achttjinde ieu, de twadde yn de earste tiid fan de nije republyk doe't de minsken Bataven hjitten; folle wichtiger as lange jierren de Nederlânske skiedskriuwers tajaen wollen hawwe. Gewoane minsken dy't harren mei polityk ynlieten: it trijemanskip hat einliken bisocht it dêr net ta komme to litten, en noch yn Eeltsje Halbertsma (sels man út in patriottyske famylje) syn forhael ‘Minne Jorrits reis nei it Kollumer oproer’ is de spot to fornimmen oer folk dat dingen dwaen woe dêr't it neat fan wist en ek neat fan koe. Hwat frjemde tiden en hwat mâlle minsken, in healwizige ôfwiking fan it nasionael model. De wierheit is (en dat wurdt nou amper mear tsjinsprutsen) dat de patriotten de net ûnweardige forsetsbiweging west hawwe tsjin in ûnhâldbere stannemaetskippij en de ‘Bataven’ de foarfaers yn de rjochte liny fan Thorbecke en syn liberalen. De tragyk fan Daam Fockema en syn maten hat west dat hja to let wiene om it âlde federale stelsel oars to oarderjen en steatkundich to min yn 'e hûs hiene om letter noch ynfloed to krijen. Hiel lang hat it folk net mei to kedizen hawn. De hiele Frânske tiid yn Nederlân wjerspegelt de fasen fan de Frânske revolúsje, ek en binammen de restaurative. De tradisionele provinsiale yndieling wie yn 1801 wol werom kommen, mar dat hie ûnder de doetiidske opfettingen ek in soad fan it tomjittekommen oan de reginten dy't njonkelytsen wer fiks by de wâl op klauden. Yn elts gefal hiene de fûleinige ‘Bataven’ fan dat jier ôf úttsjinne, al brocht riedpensionaris Schimmelpenninck yn 1805 noch in rige herfoarmingen ta stân (binammen op it gebiet fan ûnderwiis en finânsjes) dy't ta it Bataefske erfskip hearden. Under kening Loadewyk, Napoleon syn broer, en ûnder keizer Napoleon sels, sieten de aristokraten almeast wer op hege posten. Undertusken wiene folle goede dingen út de Bataefske tiid, folle opteinens út de earste jierren, en ek alderhanne nuttige tsjinstellingen en spanningsforhâldingen bidobbe ûnder ûnnoflikens oer de hege rnilitaire lêsten, de ekonomyske efterútgong en it mear en mear ôfgliden fan de steat nei de despoatsy. |