| |
| |
| |
Ynlieding II
Kommen en gean fan de frjemde macht - De reformaesje en de nije frijheit - Hearen en folk - It forline as forhoalen krêft.
De ein fan de Fryske frijheit hie him al lang oankundige. Hwat him wriek wie it feit dat de Fryske lannen yn de tiid, doe't dat mooglik wie, forsomme hiene harren to forienjen ta in steatemienskip nei Switsersk foarbyld, mei somlike mienskiplike organen en in haedstêd. Binammen midden-Fryslân hat it sitte litten. Sa hie gjin sterkere macht in ein meitsje kinnen oan it fete-rjocht, dat syn tiid oerlibbe hie, troch dêr it rjocht fan in fikse oerheit foar yn it plak to stellen. Sa wie der gjin bistjûrstradysje opboud en hie der nearne in plak west foar it kultivearjen fan de tael.
Fryslân hie in soarte fan demokrasy kend, mar by einsluten gjin demokratyske discipline. En op 't lêst wie de frijheit forsnipele en forkromme as droech brea en it tal rjochtsmienskipkes aloan greater wurden. Theissen biskôget de iderkear fierder geande desintralisaesje as in ûntbiningsforskynsel; mei rjocht, hwant de oerkoepeljende macht ûntbriek. Needlottich hat binammen it hâlden en dragen fan de haedlingen west mei har privé-oarlochjes. Der moat oan tafoege wurde dat it haedlingewêzen woartels hie oant yn it fiere forline, hwat mei in forklearring wêze kin fan de heechmoed en de pretinsjes fan it stinzefolk. Fan de trettjinde ieu ôf hiene forskate haedlingssoannen har foarming opdien oan fiere universiteiten. Mar thús founen hja foar har wittenskip gjin plak en gjin klankboerd.
It Fryslân fan de lette midsieuwen mist in echle literaire ûntjowing. De literaire tael, dêr't binammen de âldere rjochtsteksten yn skreaun binne, slút oan op in sprutsen forline en blykt gjin útgongspunt foar dichtkunst, proazaskeppingen of dy foarmen fan geastlik of koartswilich toaniel, lyk as dy yn Flaenderen en Hollân stadichoan ûntstiene. Der is gjin Frysk antwurd bikend op de oanfallen fan Jacob van Maerlant en Melis Stoke op it saneamde Fryske frijheitsbrief, der is gjin leardicht, der is gjin troubadourskunst. Ald-Fryske stikken binne der yn haedsaek yn twa soarten: de oarkonden, dy't yn dizze ieu Sipma sammele hat, en de rjochtsteksten. Dy lêsten kinne in unyk bisit neamd wurde; kostber troch il ljocht dat hja smile op de Fryske frijheitsidé en de opfettingen oangeande de Fryske útforkarring, dat de grounslaggen wiene fan it Frysk nasionael gefoel.
Mar dat foroaret neat oan it feit dat yn de Bourgondyske steat de
| |
| |
De lêste oorkonde yn de Fryske tael út de 16de ieu dy't Piter Sipma fine kinnen hat en dêr't de
tekst fan ôfprinte is yn syn Oudfriesche Oorkonden (diel II, nr. 212). Hysels neamt it stik ‘Memoriaal inzake beleening van het feudum Nijefenne’. Feudum bitsjut lien. De ûndertekener is Sicke van Hemmingha. Pas de lêste tiden wurde wolris wer (binammen notariële) akten opsteld yn de Fryske tael.
(Ryksarchyf, Ljouwert)
| |
| |
kulturele ynbring fan Fryslân mar biheind wie. Mei it yn mannich stik oerlibbe Fryske rjocht wie net folle to bigjinnen. De Fryske tael blykte net krêftich en produktyf genôch om in plak opeaskje to kinnen yn de nije forhâldingen, al leine de lânshear en syn ûnderhearrigen der net it near op. Al foar 1500 wie de tael fan de oarkonden en stêdsrjochten faek in soarte fariant fan it nederdútsk. Om 'e midden fan de sechtjinde ieu, doe't de lêste Fryske oarkonden útjown waerden, bigoun him al it sosiael ûnderskie foar to dwaen tusken de tael fan de hegerein en it Frysk fan de mindere man. Fokkema warskôget, it forskil ynearsten as al to great to sjen; mar yn elts gefal wiene it net de frjemde amtners dy't tsjin it sin fan de Fryske hegerein de Friezen twongen ta it offisieel gebrûk fan in oare tael. De Friezen skikten harren op dit punt sûnder forset.
Op oare gebieten lykwols koe fan selsanneksaesje net praet wurde. De Fryske Steaten bisochten yn de Saksyske en letter yn de Bourgondyske tiid sûnder ophâlden foar it jild, dat Fryslân opbringe moast foar de sintrale oerheit, safolle mooglik politike romte to krijen, hwerby't hja stadichoan learden de bôge net tofolle to spannen. Fan it bigjin fan de ieu ôf kaem fierder de humanistyske skiedskriuwing los, earst mei parallellen tusken Fryslân en Israël hwer't it gyng om it sjen fan Gods hân yn de skiednis, mar letter mear forskoud nei de rom fan de Friezen sels fanwegen de âldens fan har stamme, de bûtenwenstigens fan har frijdom en de apartens fan har tael. Noch wer letter yn 'e ieu waerd it motyf fan de frijheit aktueel by it trochbrekken fan de reformaesje, doe't it gyng tsjin de twang fan de oerheit en de forfolging troch de ynkwisysje.
Dy ynkwisysje wie ek wol de greatste útwaeks fan it sintrael biwâld yn in lân dêr't de frijheit sa heech yn oansjen stie. De dopersken krigen it earst der fan to lijen; hja waerden hurd oanpakt, der foelen deafonnissen en de earste ballingen swermen út. Letter setten ûnder Habsburgske twang lânfâd en ynkwisysje de kontrareformaesje troch, hwat in greate útwiking, meast nei Eastfryslân, ta gefolch hie. Noch skerper waerden de forhâldingen yn de earste jierren fan de opstân, doe't der yn Ljouwert (foar it earst en lêst yn de histoarje) in biskop siet en de oergong fan inkelde stêdden nei de kant fan de Geuzen mar justjes misbiteard wie. Yn de greate spanning kaem de ‘frede’ fan Gent Fryslân oer it mad. De oerheit wist net hwat hja der oan hie, en foar de ballingen wie dizze pasifikaesje in hwat ûnwierskynlike anti-klimaks. Wol siet de steedhâlder Caspar de Robles finzen yn Grins, mar biskop Cunerus Petri bleau yn Ljouwert en it wie oeral rêstich.
Mei de helden fierôf en it regear noch krektlyn fiks ûnder de Spaenske kwint like it nuver dat de frijheit weromkommen wie. It hie der earst hwat
| |
| |
fan dat in Erasmiaenske geast delkommen wie, mar it die al gau bliken dat it dêr de tiid net foar wie. Fordraechsumens wie net de styl fan de ballingen dy't stadichoan weromkamen; en it wie allikemin de styl fan de Spaenske tsjinpartij. Sels Willem fan Oranje syn roomske fortsjinwurdiger Rennenberg koe net ûntkomme oan maetregels tsjin de oanhingers fan Robles en tsjin Cunerus Petri, dy't doe gau de wyk spylje moast. Der wie nou ienkear gjin alternatyf fan skiklikens. In lytse mar fûle minderheit út de Steaten sette yn 1579 it meidwaen oan de Uny fan Utrecht troch. Yn 1580 waerd de reformaesje oplein; itselde jiers stoar Cunerus Petri to Keulen as balling. Yn 1581 swarden de Steaten-Generael Philips II ôf as kening en wie Westerlauwersk Fryslân wer in soarte fan republyk, nou lykwols forboun mei seis oare Noardnederlânske provinsjes.
It like in triomf fan de mannen fan ‘frij en Frysk’, dy't it nea opjown hiene; mar mannen út it gewoane folk wiene it net. Der is in tradysje, dy't bigjint by de ûnfortúnlike Jancko Douwama oan it bigjin fan de ieu, en dan oer Syds Tjaerda rint nei Doeke fan Martena en Karei Roorda. Jancko Douwama hie by de striid om 'e macht yn Fryslân efter mekoarren by de Saksers, by de Geldersken en by Karel V bisocht, safolle mooglik fan de Fryske frijheit to rêdden. Hy wie in hwat tragyske figuer, dy't nei alle gedachten nea himsels socht hat, mar troch syn rinnen fan de iene partij nei de oare op it lêst hosk wie by elkenien en syn ein foun yn de finzenis to Vilvoorde by Brussel. Hwat jonger wie Syds Tjaerda fan Rinsumageast, in great man dy't him wol skikt hie ûnder Karel V, mar binammen yn de Steaten der iderkear wer blyk fan joech in Fryslân fan en foar de Friezen to wollen. Dit lêste makke him in ûnnoflike ûnderhannelder foar de keizerlike kommissarissen dy't om jild oankloppen by de Steaten, om't hy en syn maten foar elke caroli-goune rjochten foar Fryslân werom ha woene.
Doeke fan Martena en Karel Roorda wiene lju fan in oare generaesje en ek fan oare tiden. Hja libben yn 'e twadde helte fan de ieu, doe't de lânshear net mear de Dútske keizer mar de Spaenske kening wie en de reformaesje opgong makke yn Fryslân. It wie yn it earstoan de kombinaesje frij, Frysk en protestant dy't dizze mannen striidber makke; binammen yn de jierren nei 1576, doe't de kontra-reformaesje ôfdien hie mar, nei't liedende rounten achten, polityk de dingen net folle hoegden to foroarjen. Hja wiene de Fryske Geuzen, dy't yn 1579 it regear omsetten (ek in foech tweintich grytmannen waerden forfongen) en it biwâld fêst yn hannen holden nei Rennenberg syn forrie, doe't in Spaenske soldateska it boerelân ôfstreupte en steatske troepen fakentiden amper minder mijend wiene.
| |
| |
Mei Willem Loadewyk, gouverneur earst en steedhâlder letter, wiene hja lang bounsmaten: by de oansluting by de Uny, by it trochsetten fan de herfoarming, by it stiftsjen fan de Frjentsjerter hegeskoalle en yn de Leicester-krisis, doe't der by in sterke partij en mannich domeny réens wie om de souvereiniteit oer to dragen oan Elisabeth fan Ingelân. Efter dy réens siet faeks forwezenheit oer de guerrilla op it boerelân, mar ek in stik tsjerklik stribjen nei mear politike ynfloed. Lykwols, mei de Ingelske partij wie it dien, doe't Leicester yn 1587 ôfdroste. Dat wie ek it jier fan de greatste iensens tusken de steedhâlder en de Roorda-oanhing. Fan doe ôf bigounen har wegen útinoar to rinnen. It wie it tiidrek fan Maurits en Willem Loadewyk har offensive aksjes tsjin Parma, doe't yn 'e striid tsjin Spanje de rollen omkeard waerden en Fryslân al gau bifrijd waerd fan it streupend soldatefolk. By de steedhâlder foel de klam op de Uny, by Karel Roorda en syn efterban op forsterking fan de Fryske machtsposysje yn de Uny. It ideael fan de Roordisten skynt west to hawwen in sterke en striidbare Fryske aristokratyske republyk nei it model fan it âlde Rome, dy't it tsjinwicht wêze koe foar it machtich Hollân oer. Yn har stribjen paste in ekspansive polityk nei bûten; dêrfandinne harren bisykjen om it fan Willem Loadewyk forovere Hasselt (dêr't Doeke fan Martena kommandant wie) yn hannen to hâlden. Protesten fan de Steaten fan Oerisel en drigeminten fan de steedhâlder Maurits joegen de noch net sa sterk steande Willem Loadewyk hwat hâldfêst foar in kompromis dat hjir op del kaem dat Fryske troepen yn Koevorden bliuwe soene, sa gau't dat foel, mar dat Hasselt ûntromme wurde moast. Koevorden, foarpost fan it yn 1580 wer Spaensk wurden Grins, foel yn 1592 yn steatske hannen en krige in Frysk garnizoen. Tsjin it sin
fan de Roordisten sette de steedhâlder it weromtsjen fan de Fryske troepen út Hasselt troch. Fjouwer jier letter hold ek Koevorden op in Fryske festing to wêzen. De presje út de oare provinsjes, dy't eangen foar in Fryske oermacht yn it Noarden, wie to great wurden; en nammers hie ûndertusken Willem Loadewyk syn posysje fiks forsterke.
It hie de lêste fase west fan de striid tusken Fryslân en Hollân; striid dan yn hwat greatere styl. It forlies fan de Roordisten wie folslein; ek yn de Steaten koene hja it net mear hâlde, al gyng it der hurd om ta. Yn dizze ieu hat jongfolk ris op it stânbyld fan Willem Loadewyk to Ljouwert in plakkaet hongen mei de wurden: ‘O ivige skande dat Karel Roorda hjir net stiet’. Dit forhael komt letter. Douwe Kalma hat bisocht de Roorda-episoade literair to forwurkjen yn in toanielstik. De fraech hwat bard wêze soe as de Roordisten it woun hiene is nijsgjirrich mar sinleas. Yn elts gefal hie Fryslân nea mear dwaen kinnen as hwat de eigen krêften
| |
| |
mooglik makken; en dy eigen krêften bleauwen oer alle boegen mear en mear efter by dy fan Hollân. En it is ek de fraech oft de aristokratyske republyk fan de Roordisten net in bytsje like hawwe soe op it Fryslân dat opriist út de yn 1597 forskynde kronyk fan Ocko Scharlensis, in boek fol fabels- en adelsrom, dat Wumkes net mei ûnrjocht in produkt neamt fan de kontra-reformaesje. In protestantske republyk yn roomske styl dus; it liket mar better ús net to bijaen yn fantasyen oer sa'n nuveraerdich ding.
Earlik is it om net to forswijen dat de eigen tael, dy't yn de humanistyske skiedskriuwing sa tige gou as merk fan Fryske echtens en hege apartens, yn de tiid fan Karel Roorda by it heech en leech offisium net mear brûkt waerd. Earlik is it ek om ta to jaen dat los fan de tael Fryslân yn it Uny-forbân wol war dien hat syn ûnôfhinklikens fan Hollân to biwarjen en to bitsjûgjen. As earste fan de provinsjes bûten Hollân hat it syn hegeskoalle stifte; dat wie yn it jier 1585, doe't it Fryske boerelân noch suchte ûnder de guerrilla. Oan dizze wichtige died binne binammen de nammen forboun fan Willem Loadewyk, de klassikus-deputearre Reinalda en de earste fan in rige gelearde Schotanussen. De oplieding fan domeny's wie it earste doel, mar de eare fan Fryslân spile net swak by. Ek de eigen steedhâlder hat steesoan in bitsjûging west fan it aparte plak fan Fryslân nêst Hollân. Monarchael wiene de Fryske Steaten perfoarst net, mar steathâlderleaze tiidrekken hawwe hja it nea ta kommen litten om net it gefaer to rinnen yn de bisnijing fan Hollân to reitsjen. Dêrom plichten by tsjok waer tusken de steedhâlderlike famyljes de Fryske Deputearren ‘right or wrong’ efter de eigen steedhâlder to stean.
Faek bikampe, nea bitwongen (troch Hollân): dy geast utere him ek yn de ivige striid om it jild. Fryske greatskens en Fryske jildpine gyngen hjir lyk op. Feit is dat it Fryske kwotum - it oanpart fan Fryslân yn de kosten fan it leger fan de Republyk (II persint) - mear en mear navenant to heech waerd. Folle strideraesje wie nammers in Uny-forskynsel. De federaesje is fan it bigjin oan 'e ein in eksperimint bleaun, steatkundich stagnearjend om't de reginten fan alle rjochtingen soargen oer harren posysje by foroaringen. It Fryslân út de tiid fan de Republyk wie faeks al in oar as de Roordisten wold hiene, mar de aristokrasy sloech wol foar master op: op it lân de adel en yn 'e stêdden de reginten. It folk waerd einliken allinne sichtber yn de krisisjierren, doe't it yn opstân kaem tsjin de grytmannen en har sibben, tsjin hiel it oligarchysk systeem dêr't de gewoane man en binammen de hierde boer sa fierhinne oan skatplichtich wie. Dizze reboeljes sakken lykwols mei gauwens yn mekoarren om't de steedhâlders, dêr't it folk it heil fan forwachte, by alle biswieren tsjin de regearjende elite dochs net de kant kieze woene fan it ‘gemeen’. Sa bleau
| |
| |
Frjentsjer: de hegeskoalle yn in lânstedtsje. De Fryske universiteit is yn 1584 stifte, njoggen jier
nei dyfan Leijen en yn in snuorje dat de fijân noch yn it lân stie (1586: ‘slach’ by Boksum).
Grins krige syn universiteit net earder as yn 1614. Utert pas yn 1636, As ûnderkommen tsjinnen
almeast nei de herfoarming leech kommen tsjerklike gebouwen. **
grytmansklub op it kjessen: slettener oligarchy wie der faeks nearne net yn de Republyk en gjinien dy't sa glânsryk alle forset treast west hat.
Sa't it roun is yn Fryslân hat de adel mei syn grounbisit en syn amten en fakentiden in Ocko Scharlensis op 'e boekeplanke, wol in stikje Frysk nasionael bisef biwarre. Ubbo Emmius mei syn goed-wittenskiplike krityk op Scharlensis syn ‘fabels’ foun offisiële skiedskriuwers as (de roomske!) Suffridus Petrus en Furmerius foar him oer. Yn it tsjerklik libben fortsjinwurdigen de Minnisten as produkt fan eigen boaijem in nijsgjirrich stikje folksaerdich Fryslân. De greate tsjerke hie ek wol hwat eigens, binammen troch de bining oan de Frjentsjerter hegeskoalle, mar paste dochs ek tige yn it ramt fan de Uny. It oanpart fan de Fryske domeny Johannes Bogerman oan de oersetting fan de Bibel yn it Hollânsk is bikend. De tiid om to tinken oan in Fryske oersetting wie doe al lang foarby of noch lang net kommen.
By einsluten hat it dochs mar in bytsje de grytmanne-adel en mar foar in lyts part de steedhâlder en ek net folle de reformearre tsjerke west, dy't de eare en it erfskip fan Fryslân troch de twa ieuwen fan de Republyk tild hat. Helte mear reden is der om it folk tankber to wêzen dat dat de tael trou bleaun is. Dochs wie dat net út aktivens of út in hâlding fan protest. Faeks hat it minne ûnderwiis der sines ta dien; mar mear eigenskip hat it
| |
| |
‘Mijn hert dat trillet mij’ ... hânskrift fan Gysbert Japiks yn de Bodleyaenske Bibleteek to
Oxford. *
om oan to nimmen dat it Frysk ynboud west hat yn de sosiale hiërarchy dêr't it dúdlik en aerdich it folk skaette fan de hearen. Net dat de hearen it Frysk trochstrings net koenen en der út en troch net mei pronken: mar by harren wie it gjin gebrûkstael en noch minder kultivearren hja it, lyk as folle fan harren dat al diene mei it Hollânsk, it Frânsk en it Latyn. By it folk hat ek de frijheitssêge fuortlibbe, fruchtberder as by de hearen hwaens frijheit by einsluten aliinne noch mar it baes wêzen en it baes bliuwen wie. By it folk wie it leauwen oan in eardere en suvere frijheit in forhoalen krêft, dy't binammen yn roerige tiden ta utering kaem.
Der mei ek tocht wurde oan de Frjentsjerter hegeskoalle, dy't binammen yn de achttjinde ieu it Frysk forline en de Fryske tael wer ûntdiek. Mar ien man mei jilde as de greate rêdder: de dichter Gysbert Japiks, dy't de tael fan it folk opheefd hat, foredele en smeid yn foarmen dy't lettere generaesjes oansprieken en ynspirearren. It wie syn dichterlik wurk dat, doe't de tiden foroaren, de earste oantrún jown hat ta in Frysk oplibjen en ta Fryske stúdzjes, dy't dan jimmeroan in greater fjild bistrieken.
| |
Literatuer:
P.C.J.A. Boeles, Friesland tot de elfde eeuw, 2de druk, 's-Gravenhage 1951. |
H. Brugmans, Geschiedenis van Amsterdam dl. I, 1930. |
| |
| |
K. Fokkema, Over de groei van het Friese taalbesef, Yn de sammelbondel Nei wider kimen, Grins, 1969. |
D. Kalma, Skiednis fen Fryslân, Oarde printinge, Dokkum 1944. |
J.J. Kalma, J.J. Spahr van der Hoek en K. de Vries, Geschiedenis van Friesland, Drachten 1968. |
B.H. Slicher van Bath, Boerenvrijheid, Grins 1948. |
J.S. Theissen, Centraal gezag en Friesche vrijheid, Grins 1907. |
E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese geschiedschrijving. Grins 1952. |
J.J. Woltjer, Friesland in de Hervormingstijd, Leiden 1962. |
G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid, Boalsert 1925. |
|
|