| |
| |
| |
Ynlieding I
Fryslân as berteplak fan in kultuer en in naesje - Folk sûnder hear: de sêge en de wierheit fan de Fryske frijheit - Undergong yn anarchy.
De Fryske biweging moat sjoen wurde as in stribjen, al of net troch middel fan forieningen, nei it rjochtdwaen fan in folk dat fan bitinken is yn greater steatsforbân kultureel en polityk syn gerak net krigen to hawwen. Der soe steld wurde kinne dat sa'n stribjen bistiet sûnt de ein fan de midsieuwen, doe't forwoastjend ynwindich skeel krêften fan bûten de kâns jown hie in ein to meitsjen oan it selsstannich bistean fan it kearngebiet fan in âlde folksmienskip mei somlike ûngewoane foarmen fan frijheit en in greate rykdom fan foar it meastepart yn eigen tael opskreaune rjochtsteksten. Der hat krêftich forset west tsjin it sintralisme fan Bourgondië en Habsburg, en yn de Uny fan de sawn provinsjes wie Fryslân altyd in hwat ûnnoflike dielhawwer. Mar nei de reformaesje mei har emansipearjende strekking en troch it oanpart fan Fryslân yn it ûntstean en bihâld fan de Noardnederlânske steat, koe ek achte wurde dat der op hwat oare grounslaggen in nij frij en Frysk tiidrek kommen wie. De wierheit lykwols is dat it Fryslân út de tiid fan de Uny fan Utert mei syn op papier romhannich boerekiesrjocht ûnder in oligarchistysk biwâld stie fan in lyts tal foarname famyljes en dat tael en miening fan de gewoane man mar amper to fornimmen wiene. Pas yn it lêst fan de achttjinde ieu, doe't de romantyk him oankundige en Frânske revolusionaire idéen har oer Europa forspraetten, ûntwekke de nocht oan it ûndersykjen en oanpriizgjen fan it folkseigene en krige de frijheit in frisse glâns. De feitlike Fryske biweging datearret fan dy tiid.
Dizze Fryske biweging rêst op in founemint fan sa'n tweintich ieuwen Fryske skiednis. Gjin oersichtlike skiednis: hwant oer mear as de helte fan dy lange tiid binne mar in bytsje skriftlike boarnen. Boppedat hawwe de wengebieten fan de Friezen nea in steatkundige ienheit west. Foar de midsieuske Friezen is karakteristyk dat hja ivich en erflik fij wiene fan in sintrael biwâld en it net fierder bringe hawwe kind as ta in los boun, de Upstalbeam, dat polityk nea net folle to bitsjutten hawn hat. Sa hat der yn it doetiidsk Fryslân gjin wichtich bistjûrlik sintrom west, dêr't ek in nasionale kultuer opbloeije koe. De Fries Bernlef út de achtste ieu jildt as de âldste Westgermaenske dichter, mar syn oantinken is allinne biwarre yn Altfrieds libbensbiskriuwing fan Liudger. Der wie gjin hôf of kânselarij
| |
| |
foar it opskriuwen en hoedzjen fan de epyske heldenpoëzy dy't hy neffens Altfried song by de harpe. As de barden ea in Fryske pendant fan de Beowulf foardroegen hawwe moat dy wol foar ivich yn de mist fan de tiden forsonken wêze.
Yn it fjirde boek fan Tacitus' Annalen is it forhael to finen fan de oerwinning fan de Friezen op Olennius en syn Romeinske kohorten yn it jier 28. Forneamd, seit Tacitus, wie sûnt dy tiid de namme fan de Friezen ûnder de Germanen. By de Romeinske skriuwers is fragmintarysk noch wol hwat mear gewaer to wurden oer de Friezen. Dochs hat de lep hiel hwat mear iepenbiere oer harren as de skiedskriuwers fan Rome dien hawwe, en ek wol mear as de midsieuske biskriuwers (yn it latyn) fan de libbens fan hilligen en silligen. It is de archeology dy't dúdlik útwiisd hat dat hwat neamd wurde kin de autochtoane Noardnederlânske biskaving, bigoun is op de kwelders fan binammen Westergoa, dy't fan de fiifde ieu foar Kristus ôf stadichoan bifolke binne troch lânflechtige boeren fan it Drintske plato en noch wol fierder súdeastlik wei. H.T. Waterbolk hat de trekrjochting súdeast-noardwest moai dúdlik folgje kinnen út de soarte fan keramyk dy't dizze proto-Friezen brûkten. Hy lit lykwols de mooglikheit iepen dat ek fan it súdwesten folk kommen is. It hat in ieu of trije duorre ear't út dizze hwat ûndúdlike pioniers in folk ûntstien wie dat him oanpast hie oan it milieu. Doe wie de Fryske minske der en de Fryske namme.
Twa ieuwen foar de jiertelling wiene de Friezen al in folk fan féboeren, skippers, hannelers en fiskers mei fêste wenplakken op in rige fan forsprate hichten, dy't it bigjin wiene fan de lettere terpen. De skiednis fan Noardnederlân is oer in rige fan ieuwen moai aerdich dy fan Fryslân. Al foar de Romeinske tiid wie it Fryske bisteanspatroan: fébuorkerij, hannelsskipfeart, fiskerij, mei de dêrby hearrende ambachtlike biroppen, in foarrinder fan de ekonomy yn it lettere Nederlânske kearngebiet. De neamde differinsiaesje blykt al út de âldste terplagen, mar komt noch better út yn de fynsten, datearjend út de Romeinske keizertiid. De biwenningsresten fan de terpen litte ek foar dy iere tiid hege skattingen ta oer de bifolkingstichtens; heech dan yn forhâlding mei hwat bikend is oer de gebieten fierder it lân yn. De forklearring leit net allinne yn de fruchtberens fan de kweldergrounen mar ek yn it forlet fan folk by de hannelsskipfeart en de fiskerij. Letter, yn de midsieuwen, komt mear gesicht op dizze opmerklike bisteansfaktoaren, al bliuwt der krapte oan dúdlike birjochten en al kin der út de forsprieding fan Fryske munten oer it hiele Noardsé- en Eastségebiet mear ôflaet wurde as út bygelyks kleasterkroniken.
| |
| |
By alle bliuwendheit en ûnforoarlikens fan it ekonomysk patroan hat it yn it âlde Fryslân net ûntbrutsen oan spanningen en wikselingen. De sé koe freon mar ek forwoastjende fijân wêze yn it ûnbidike lân; en der wie gjin krûd woeksen foar it ûnk fan de fésykte. It kommen fan de Romeinen en harren weitsjen in mannich ieuwen letter wiene dingen dy't al nei de omstannichheden gunst en ûngunst bitsjutten. Boeles hat miend foar de tiid fan de greate trek fan Angelen en Saksen nei it Britske haedeilân in hast folsleine brek yn de kontinuïteit fan biwenning en kultuer yn Fryslân fêststelle to kinnen. In Angelsaksyske laech is, nei't him tinkt, oer de autochtoane Fryske kultuer hinneskoud. Lettere ûndersikers bistride dit, al is it neffens harren wol wis dat it folkeforfarren greate foroaringen brocht hat yn de fan Friezen biwenne gebieten. It kin ek hast net oars of Fryslân moat trochgongsgebiet west hawwe fan folk dat wist, mei freedsumens net fier to kommen. Amper in striidpunt is, dat ek keppels Friezen mei yn de greate stream de sé oerstutsen binne. It terpe-ûndersiik lit de konklúzje ta dat it tal biwenners fan Fryslân in skoft minder great west hat as tofoaren. As lykwols nei it folkeforfarren it gerdyn stadich wer opgiet, blike wol forskate folken yn de stream oplost to wêzen, mar leit der in Frysk ryk yn in wide bôge oan de sékant, fan de Skelde-delta oan de Wezer ta.
Dúdlik is ek dan it taferiel biliven net. De skiedboarnen neame nammen fan keningen, mar der blykt net folle út oer de aerd fan dit keningskip. Wiene it wol echte keningen: Aldgisl, dy't de Angelsaksyske biskop Wilfried herberge op dy syn (om)reis nei Rome, en Redbad dy't mei wikseljend sukses focht tsjin de Frankyske hofmeijers? De Angelsaksyske (latynske) boarnen hawwe it wurd ‘dux’, dat hartoch bitsjut, en H. Halbertsma tinkt oan in mooglike Deenske ôfkomst fan Redbad. Dat lêste komt dan oerien mei de sêge dy't Redbad makket ta in Deenske usurpator; mar it is wol wis dat de sêge opkleurd is troch lettere kristlike ynfloeden dy't net gunstich wiene foar de heidenske Redbad. Unwissichheden genôch: wie Redbad de opfolger fan Aldgisl, regearren hja wol yn itselde gebiet? Yn elts gefal is de namme fan Redbad, de man dy't yn rommer forbân jildt as ien fan de fordigeners fan it Germaensk heidendom tsjin de mei swurd en krús opkringende Franken, biwarre bleaun. Hy heart ta de sêge-keningen dy't mei har wapens noch forskine yn tolfte-ieuske wapenboeken. It is binammen dit apokryf materiael, dêr't wer trije ieuwen letter de Bourgondyske hartoggen it fan harren bigearde Fryske keningskip yn lizzen seagen.
It hwat ûndúdlike Fryske keninkryk hat alteast yn de histoaryske tiid net lang bistien. Wilfrieds bisiik oan Aldgisl moat (neffens H. Halbertsma)
| |
| |
west hawwe yn 'e winter fan 678 op 679; en de lêste forlerne slach fan de Friezen ûnder kening of hartoch Poppo of Bubo tsjin de Franken ûnder de hofmeijer Karel Martel wie yn 734. Dan fierdersoan is Fryslân diel earst fan it Frankyske ryk en letter fan it hillige Roomske ryk fan de Dútske naesje. Tsjerke en steat sette de kerstening troch, hwerby't it formoardzjen fan Bonifatius amper mear is as in ynsidint, hoe ysbaerlik ek. De oerfallers wiene in rûch rôversnaesje, oanlutsen troch it ryk fortoan fan de sindeling en syn gefolch, mei faeks in heidensk brek oan skrupules. De kerstening is der net troch opholden; nei alle gedachten hat Bonifatius as martler en hillige foar de tsjerke noch fan mear bitsjutting west as Bonifatius de preker, dy't nammers al djip yn de sawntich wie doe't er yn de Dokkumer kontrei syn dea foun.
Mei it har ynstallearjen fan in geastlikheit sette ek in ynearsten noch breklike skriftlike tradysje yn. Mar de skriuwtael wie it latyn, lyk as dat hearde yn in nij Roomsk ryk. Wylst yn Ingelân, dat bûten dat ryk foel, in krêftige Angelsaksyske literatuer opbloeide, hat it yn Fryslân noch ieuwen duorre ear't yn 'e folkstael skreaun is, alteast dat bikend is. De mooglikheit bliuwt dat by oerstreamingen, ynfallen fan Wytsingen of op oare wize hânskriften forlern gien binne. De folkstael wie wol yn gebrûk; de tsjerke mocht har der al fan it bigjin fan de njoggende ieu fan bitsjinje, en by de ienfâldige rjochtsprosedueres kin ek min in oare tael as it Frysk brûkt wêze. Lykwols, sa as it nou stiet is de Wilker thes nya landes út 1242 it earste datearre stik yn de Fryske tael. Fokkema ornearret dat út de skreaune rjochtsteksten en binammen de âldste dêrfan jin noch de sprektradysjes tomjitte komme. Der moat in lange mounlinge oerlevering west hawwe, mar it is net dúdlik hoefier dy sa likernôch werom gyng. De oarsprong fan de Fryske tael (dus as selsstannich medium tusken de oare Westgermaenske talen yn) stelt Fokkema sa om it jier 500 hinne. De eigen skiednis giet, lyk as wy sjoen hawwe, folle fierder werom. Bernlef moat der noch wol fan witten hawwe; mar de kristlike lear sil de hûgenis fierhinne forkrongen hawwe. Wol is it oannimlik dat út de lange ieuwen fan it eigen folksbistean in krêftich gefoel oerbleaun is, oars to wêzen as de oare folken.
De yndieling fan de Fryske lannen yn trijen (Westfryslân, midden-Fryslân en Eastfryslân) troch de ‘Lex Frisionum’ (802) kin min in oarenien wêze as der al wie. It wiist net op it bistean fan ienheitstradysjes; nammers binne der net folle dingen dy't wize op in monarchael forline. Pas nou, liket it, kriget it rjocht in monarchael útgongspunt dat it, alteast formeel, noch lang hâlde soe. Mar de keizerlike macht forsloppe al moai gau, en de Friezen moasten har almeast sels rêdde tsjin de Wytsingen. It
| |
| |
is dêrby opmerklik, hoe tige doe eins allinne de Fryske namme telt yn de noardwestlike hoeke fan it kontinint. Dorestad, Tiel en nammers ek Utert jilde as Fryske foarposten, al lizze se bûten de territoriale omskriuwingen yn de ‘Lex Frisionum’. De earste greven fan hwat letter Hollân hjit neame harren greven yn Fryslân. It hat alle eigenskip, dat it swiertepunt fan de oerfallen fan de Wytsingen mear lein hat yn de súdlike kontreijen as yn it Fryske kearngebiet, lyk as der ek reden is om oan to nimmen dat de forhâlding tusken Friezen en Wytsingen net altyd en allinne ien fan deilisskip west hat. Mar wol moast it Wytsing-gefaer earst bilúnje, ear't de nijsgjirrige midsieuske Fryske ûntjowing bigjinne koe neffens it âlde patroan fan fébuorkerij, hannelsskipfeart en fiskerij. Ut dy tiid is ek de Fryske frijheitssêge ta de neiteam kommen.
Dizze frijheitssêge hat gjin authentike skreaune oarsprong, al hawwe generaesjes fan Friezen dat miend. Der bistie yn 'e lettere tiid in frijheitsoarkonde fan keizer Karel, mar dat wie in falsifikaesje, lyk as de midsieuwen dy wol mear oplevere hawwe. It ûntstean fan de sêge kin forklearre wurde út in rige fan faktoaren. De wichtichste hat west dat it Fryslân fan de ‘Lex Frisionum’, lizzend oan 'e rânne fan it keizerryk, foar it meastepart eigen dingen dwaen kinnen hat, net twongen en net bihindere troch it fiere regear. Formeel wie de keizer baes en hiene de Fryske lannen ek wol har greven, dy't de skelta's oanwiisden, amtners foar de rjochtspraek en de wettersteat; mar de feitlike macht fan dy greven wie biheind en gyng stadich toloar om't hjirre it feodalisme gjin kâns krige. Fan dizze bûtenwenstige tastân hat Slicher van Bath in forklearring jown mei syn fêststelling, dat it feodalisme gewoan net paste by de kombinaesje fan fébuorkerij en hannel, lyk as Fryslân dy koe. Fé bitsjut kaptael en hannel foreasket kaptael. Fryske stêdden sloegen munt yn in tiid doe't yn greate parten fan Westeuropa in feodale hiërarchy hearske yn in bouboeremaetskippij sûnder jild dat ûtmakke. It forskynsel stie yn de Noardséregionen net op himsels; Slicher van Bath neamt lykwols as soartgelikense gefallen ek de Switserske kantons: republykjes fan féboeren, mar lizzend op de wegen fan it transitoforkear oer de Alpenpassen.
It feit dat yn it Fryske gebiet gjin lienstelsel bistie gou mear as in biwiis fan it ‘frij en Frysk’ as dat it der de substânsje fan wie. Substânsje wie it frijbrief fan Karel de Greate dêr't hiele Fryslân him op birôp by it ôfwizen fan elke hear as skeakel tusken folk en fiere keizer. Der is al sein dat sa'n frijbrief allinne bistien hat as falsifikaesje; mar Van Buijtenen hat útlein dat de frijheitssêge dochs net hielendal op fantasy birêst. Hy folget dêrta it spoar fan de midsieuske Friezen, pylgers en keaplju, nei Rome, jowt de biwizen fan har help yn de striid tsjin de Sarasenen en bringt mei
| |
| |
dat lêste de (net bisteande, c.q. falske) oarkonde yn forbân. Dan fierdersoan fynt er by de Friezen in analogy fan de Saksyske pretinsje, as ‘soldaten fan de Hillige Stoel’ oan gjin minskemacht ûnderdienich to wêzen. It is in wûnderlik yn mekoarren rinnen fan wrâldske en geastlike motiven, in kompleks dat Van Buijtenen mei folle fornimstigens en geleardens útraffele hat.
Nei alle gedachten lykwols hat Van Buijtenen mear biwize wollen as der to biwizen wie. De Fryske frijheitssêge, dêr't Jacob van Maerlant en Melis Stoke yn 'e midsieuwen al oer túlken, hat dan amper in oanwiisbere histoaryske groun; mar dat hawwe de Grykske en Romeinske mythology ek net. Fêst stiet allinne dat dizze sêge ienris oer de Friezen sweve hat as in boadskip fan rjocht en plicht en as sadanich neiwurket oant yn ús tiden. De midsieuske oarsprong der fan komt dúdlik út yn it feit dat de sêge net libbe hat ûnder de Friezen bûten de gebieten dêr't de Lex Frisionum foar gou. De súdwestlike dielen fan Noardnederlân dêr't de Hollânske greven stadichoan de hân op leine en dêr't hja om oarloggen mei de biskop fan Utert, wiene almeast biwenne fan Friezen dy't troch de tiid kamen yn it neikommen fan de âld-biwende biroppen fan boer, skipper, fisker of in kombinaesje dêrfan. H. Brugmans skriuwt dat de oarsprong fan Amsterdam nei alle gedachten socht wurde moat yn de âlde keaphannel fan de Friezen, ‘het aloude schippersvolk van de Noordelijke Nederlanden’. Mar fan iennige wjerklank fan it biedwurd frij en Frysk yn dizze kontreijen is nearne hwat to finen.
Dêrfoar is it nedich noardliker to gean, nei Westfryslân, iderkear mear isolearre troch it him stadich útwreidzjen fan de Sudersé. Westfryslân wie in boererepublykje, alhiel bisiele troch de geast fan de as âld en goed en rjochtfeardich opfette Fryske frijheit. It tal ynwenners wie biheind mar de lizzing fan it lân mei syn marren en wjitteringen wie sterk. Greve fan Hollân (en roomsk kening) Willem II foel yn 'e striid tsjin de Westfriezen by Hoogwoud (1256), en de niisneamde skriuwerij fan Melis Stoke en Van Maerlant, spotsk mar tagelyk bitter, kin ek sjoen wurde as in soarte propaganda tsjin de dryste en wanwize Fryske frijheitspretinsjes. Hoe koene, frege Van Maerlant, de Friezen in hear ôfwize, wylst dochs sels de fallene ingels in hiërarchy hiene. Hy skreau dat oan 'e ein fan de tachtiger jierren fan de trettjinde ieu, krekt foar de wanwize Westfriezen bilies jaen moasten tsjin greve Floris V.
De parallel, dy't Slicher van Bath oanwiisde tusken de Fryske lannen en de Switserske kantons, giet op ien wichtich punt net op. Yn Fryslân bistie gjin krêftich fordigenjend forboun. De Westfriezen stiene der yn de biskiedende fase fan harren striid allinnich foar. Westfryslân hearde net ta
| |
| |
de Upstalbeam, it forboun fan de Fryske lannen, mar hwat wie de Upstalbeam? Faeks is it net rjochtfeardich en nammers histoarysk ûnkrekt de fielings en ympulsen, dy't fan de Upstalbeam mei syn plechtige gearkomsten útgien binne, ôf to dwaen mei hwat in lûken oan 'e skouders. Mar hy hie yn elts gefal neat fan it goed wurkjend Switsersk iedgenoatskip. De Switsers hiene yn it doetiidsk Europa de bêste ynfantery, dêr't earst de Habsburgers op ôfdeinzen en letter Karel de Stoute him op stikken roun. Foar de Friezen gou dat hja foar it kriichshantwurk nea fierder fan hûs hoegden to gean as moarns fuort en jouns werom. Militair ûnbidreaun rounen hja machtich mar ûnorganisearre to heap as der gefaer drige en fakentiden net sûnder fortuten; mar wol sûnder politike foarm fan bliuwende ienriedigens.
Yn de tiid dat Westfryslân ûnder de Hollânske greve kaem wie de greatste ekonomyske bloei fan de Fryske lannen al foarby. It wiene de alfte en tolfte ieu dy't de Friezen seagen net allinne as de frachtfarders, mar ek as de hannelsnaesje fan Noardeuropa mei as keapwaer foar in great part eigen produkten, û.o. it forneamde Fryske lekken dêr't lang fan tocht is dat it yn oare lannen makke waerd. Terpfynsten wize nammers út dat der noch hiel hwat mear foarmen wiene fan nijsgjirrige manufaktuer. Yn de alfte ieu waerden ek yn tominsten fjouwer stêdden yn Westerlauwersk Fryslân munten slein. De efterútgong letter kin forbân hâlde mei it opslykjen fan de Middelsé en oare wetterwegen; en ek mei it ûntstean fan de Hanze yn de twadde helte fan de tolfte ieu. Yn elts gefal forpleatst it ekonomysk swiertepunt him nei it suden, dêr't Flaenderen en Hollân nou opkomme. De Friezen waerden mear en mear frachtfarders foar oaren.
Fryske frijheit tsjin Hollânske ûnderdienigens: de tsjinstelling hat langer wurke as de frijheit bistien hat. Wol bilibbe de frijheit noch de triomf fan Warns, doe't Westerlauwerske Friezen in ein makken oan de oermasteringsplannen en it libben fan de Hollânske greve Willem IV (1345), mar mei de heechtiid wie it doe al moai lang dien. Yn de Fryslannen blykte de relatyf demokratyske bistjûrs- en rjochtsoarder op 'en dûr net yn steat om ûntbining tsjin to kearen. Sa likernôch fan de helte fan de fjirtjinde ieu ôf kaem it ta min ofte mear forheftige strideraesjes, en der wie gjin macht dy't der in ein oan meitsje koe. Wol wie de keizer formeel soeverein, mar elke hear wie hosk. De feitlike macht wie yn hannen fan grouneigeners, alteast bûten de stêdden. Mar der wie gjin lykwicht mear tusken de boeren, de haedlingen en de kleasteroersten. As der noch al praet wurde koe fan demokrasy en boerefrijheit, dan wiene dy langer mear en mear ûngelyk forparte. De haedlingen hiene har stinzen en har ruters, in soarte soldateska, de kleasteroersten hiene fakentiden kloften
| |
| |
konversen ta har foldwaen dy't ek brûkber wiene foar it smoarge wurk. Dêr hiene de boeren net folle tsjin yn to bringen.
De nammen Skieringers en Fetkeapers skine to kommen fan de skiere mûntsen (Cisterciënzers) en de fetweidzjende Norbertijnen; in oarsprong dêr't net mear út opmakke wurde mei as dat de kleasters, ryk oan groun, net bûten de skelen stiene. Fan de Skieringers, lokalisearre almeast yn Westergoa, kin yn it algemien sein wurde dat hja tsjin Hollân wiene, hwat fan de Fetkeapers, dy't meast oan 'e eastkant fan de Middelsé sieten, hiel hwat minder wis wie. De feten krigen in eigen libben bûten alle rjocht en regel, mei Skier en Fet op't lêst as in hast neat mear sizzende rjochtfeardiging fan moard en manslach. Ek de stêdden koene har net mear bûten de partijen hâlde.
Der hat faeks in wikselwurking west tusken dit polityk forfal en de ôfgeande tiden. Hwat ekonomysk yn Fryslân bigoun is, hie him forplakt nei de Eastsé, nei de Iselstêdden, nei Hollân. Yn de twadde helte fan de fyftjinde ieu socht de Fryske frijheit om in ein. Om dy tiid kaem yn Westerlauwersk Fryslân de forskuorrende eigengerjochtichheit fan de haedlingen op in hichtepunt. Fryslân biëasten de Lauwers lei doe al fiks ûnder macht en rjocht fan de stêd Grins en yn Eastfryslân slagge it yn dy snuorje it ynlânsk skaei fan de Cirksena's, de greeflike macht to gripen.
Doe't de ieu op 'e ein roun sloech ek de deadsûre foar de Westerlauwerske frijheit; en it waerd mear in stjerren yn taeijens as yn skientme. It bigoun der mei dat (yn 1498) Westergoaske Skieringers hartoch Albrecht fan Saksen to help rôpen. Albrecht wie de man oan hwa't de Hollânske greve Filips (de ‘Schone’) de rjochten forkocht hie dy't er op Fryslân miende to hawwen. Mar dat wisten de neffens tradysje sa anti-Hollânske Skieringers net, seit it forhael. En yn elts gefal die Albrecht hwat oare nominale hearen hjir nea kind hiene: hy helle de folle bút binnen. Dochs koe Fryslân noch min jilde as in ripe apel. Hwant de Saksyske hartoggen, dy't Fryslân Steaten en in nije rjochtsoarder joegen, koene it nei forrin fan tiid net bankje. It forset binammen tsjin de bilestingpolityk waerd to great. Sa krige Karel V de kâns, de niisneamde rjochten werom to keapjen fan de Saksyske ‘erfgubernator’. Mar doe tsjinne Karel fan Egmond, hartoch fan Gelder, him oan as ‘bifrijer’. Dat wie yn 1515 en it bigjin fan de wrede bandeleazens fan Greate Pier en de Swarte Heap yn in partijstrijd dêr't fan beide kanten fûleinich yn roppen waerd dat it ûnder de eigen Karel it frijst en it foardelichst wie. Karel V bea earst wol mei op, mar doe't er de hannen frijer krige, keas hy in oare wei: mei de wapens makke hy anno 1524 in ein oan it tsieren en it forset fan it tsjinwillich folk. De Fryske frijheit wie histoarje wurden.
|
|