Foarwurd
Dit boek is de frucht fan sa'n fyftjinhûndert heale dagen fan stúdzje, sneup- en skriuwwurk. As it my allinne to dwaen west hie om it lok en lijen fan forieningen en selskippen hie it wol mei minder tiid en minder siden takinnen. Mar myn doel gyng dêr moai fier oerhinne; ik woe neigean hwat de gefolgen en fortuten west hawwe fan it yn it bigjin fan de njoggentjinde ieu op gong kommen en stadich krêftiger wurden stribjen om it âld kultuerbisit fan Fryslân wer ta libben to bringen. Ut dit myn bisykjen is in breed oersjoch ûntstien dêr't binammen wer ris yn útkomme sil hoefolle méár tael is as in rige fan wurden of in samling idioom. De Fryske biweging rikt wol oer de grinzen fan in taelbiweging hinne, mar har greate fortsjinst hat dochs west it weiheljen fan de folkstael út de steat fan ûnderhearrichheit, mei alle bifrijende en forheffende útwurking dy't dat hie op de gewoane minsken.
In skiednis fan de Fryske biweging is noch net earder skreaun en myn wurk sil dan ek wol de tokoartkommingen hawwe fan alle earst-bisykjen. Der sille dingen yn oerslein wêze dy't dochs omtinken fortsjinne hiene en der sille nammen net neamd wêze dy't der krekt wol yn stean moatten hiene. Mar ik haw dochs hope dat it stik kultuerskiednis, dat ik jaen woe, yn it generael wol sahwat út de ferve kommen is. En ik hoopje fierders net to fier ôf bleaun to wêzen fan hwat my hieltyd foar eagen stien hat: in boek to skriuwen dat gaedlik is foar in rieplachtsjen út en troch, mar dat ek ta lêzen noeget.
It hie earst myn bidoeling west myn forhael by 1945 ophâlde to litten. Ik haw my lykwols al gau oertsjûgje litten dat it wol slim ûnfolslein wêze soe as der neat yn to finen wie oer de wichtige dingen dy't har sûnt de bifrijing op it Fryske mêd ôfspile hawwe. De biskriuwing fan de lêste tritich jier is faeks hwat to fragmintarysk útfallen en sil wol de misslaggen fortoane fan alle eigentiidske skiedskriuwing. Ik bin ré de krityk manmoedich to dragen.
Dit wurk is ta stân kommen yn opdracht fan de Fryske Akademy dy't my yn fiif jier saend noch maend hat. Ik bin dêr tankber foar; tank wol ik ek bringe oan elkenien dy't my mei ynljochtingen en materiael skewield hat en binammen oan dejingen dy't sa freonlik west hawwe har eagen gean to litten oer it hânskrift of stikken dêrfan. It is hast oerstallich om to sizzen dat ik it sûnder de nea folpriizge Provinsiale Bibliotheek net fier brocht hie; mar ek it Frysk Letterkundich Museum wol ik mei eare neame.
Oentsjerk
Sjoerd van der Schaaf