Skiednis fan de Fryske biweging
(1977)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 385]
| |
Op 'e kriem fan de tiidMinsken en forskynsels: Douwe Kalma, Eeltsje Folkertsma, Fedde Schurer en Jan Piebenga - Tradysje en modernisme yn it kultuerlibben - Wittenskip en folk - Tinzen oer in selskipleas tiidrek.De greate selskippen wiene oerienkommen nei de oarloch yn eigen rounte to suverjen hwer't dat nedich achte waerd. By it Selskip-1844 foel ûnder de suvering de hiele Mienskip. Efternei is der reden genôch om oan de wiisheit fan dizze maetregel to twiveljen. It wie nuver gien mei de Mienskip: it hjitte sahwat dat yn it bigjin fan de tritiger jierren, doe't Douwe Kalma as lieder oan 'e kant skoud waerd, de faksisten woun hiene; en it wie yn elts gefal wis dat yn 1939 Douwe Kalma (mei Jelle Brouwer en Marten Scholten) wer yn it bistjûr stappe kinnen hat neidat it folkje fan de nije oarder (Douwe Kiestra, Jan Melles van der Goot en har maten) syn sin net krige hie. Mar lyk as wy sjoen hawwe wie dêrnei Douwe Kalma sels yn it bigjin fan de bisettingstiid fan it goede paed ôfrekke. It bistjûr fan it Selskip-1844 hat regaed meitsje wollen en der to min oan tocht dat de Mienskip net yn syn hiele hear en fear forkeard west hie en dat ûnder de leden brûkbere militanten sieten. Nou waerd hja foargoed it ûntwyk foar al dejingen dy't net hielendal mei eare en rom út de bisettingstiid weikommen wiene. De namme waerd wer Jongfryske Mienskip en Douwe Kalma wie mei gauwens wer de skepper en de skriuwer, al hie de earerie foar de letteren him lykas sein in publikaesjeforbod oplein. Datsoarte straffen hat almeast net folle útwurke. Douwe Kalma hat it fan jannewaris 1946 ôf forskinende bledtsje fan de Mienskip in rige fan jierren foar it greatste part folskreaun: stikken fakentiden fol biklach oer de minne bihanneling fan de minsken dy't ûnder Dútsk biwâld nearne oars foar krewearre hiene as de eare, it wolwêzen en it bihâld fan it eigen plak fan Fryslân. It wie wer in hiel oare Douwe Kalma as dy't út Eindhoven wei syn bisteklike lûden hearre liet. Yn 1942 yn Fryslân weromkommen hat er gjin fêste baen mear hawn. Syn tiid hat er foar in part bistege oan it oersetten fan de folsleine Shakespeare yn it Frysk, in like fortsjinstlik as ûnbidich krewei, dar er noch rékrige hat foar syn dea yn 1953, as slachtoffer fan it forkear. It binne net allinne goede dingen dy't him neijown wurde kinne, mar de | |
[pagina 386]
| |
rom as heraut fan de jonge generaesje doe't de âlde yn 'e tiid fan de earste wrâldoarloch sahwat op dea spoar rekke wie, komt him foar ivich ta. Hy hat nij útsjoch iepene mei Fryslân to setten yn it greate ramt fan in mannichfâldige Europeeske kultuer dêr't elk syn taek en syn plak yn hat. Sûnder de fûle striidberens fan de earste Jongfryske generaesje binne de lettere ûntjowingen net goed to bigripen. Hwant al klonken de stimmen fan Sipke Huismans en Wumkes earder as Kalma syn lûde bazún, hy hat dochs fierwei de measte romte makke, brekker as er wie troch sa mannige konvinsje en tûkelteam dy't de fuortgong fan de Fryske biweging yn 'e wei stiene. Dit alles stiet los fan syn swinken en draeijen dêr't er it as organisaesjeman neigeraden foar himsels sa lilk mei bidoarn hat. Egosintrysk en in opportunist sûnder wjergea hied er altyd fijannen by de rûs en op it lêst net folle freonen mear. Mar oan achting foar syn kundichheden en syn wurk hat it nea ûntbrutsen. Yn de skiednis fan de Fryske biweging hâldt er syn plak as de earste fan de Jongfriezen en as de man dy't de Fryske literatuer in omgong heger tild hat. Eeltsje Folkertsma wie yn syn twaënfyftichste by de bifrijing en doe wol oer it meast kréative diel fan syn libbensrin hinne, al is yn 1950 noch de moaije samling essays fan sines ûnder de titel ‘Eachweiding’ útkommen. Mar geastlik lieder fan it Kristlik Selskip en haedredakteur fan ‘De Stim fan Fryslân’ is er noch lang bleaun. Hwat fêstichheit hied er krige troch syn bineaming as lid fan de redaksjerie fan it ‘Friesch Dagblad’, Safolle wie der wol foroare sûnt de dagen fan Uddo. Syn kristlike oertsjûging hat er biwarre en syn politike ûnôfhinkelikens hat er nea priisjown. It soe wêze kinne dat dit sljochte libben, dat dochs sa fol spanningen en emoasjes west hat, allinne literair hwat binei to kommen is. Frijfeint, lyk as Douwe Kalma, wied er dochs utersté net ûngefoelich foar froulike charme; mar hy hat al syn libben foar froulju in skrutelens biholden dy't faeks fuortkaem út freze dat hja dochs oars wiene as hja neffens him hearden to wêzen. Syn frijheit hat him lykwols ek hiel hwat wurdich west. Hy koe gean en stean dêr't er woe. De Ried fan de Fryske Biweging hat er gâns in skoft foarsitten en allyksa it Striidboun Fryslân Frij, in foriening dy't, oars as neffens it polityk rapport fan de Fryske biweging út 1945, foar Fryslân in (federale) útsûnderingsposysje easke. It Striidboun woe dat Fryslân sawol ekonomysk as kultureel de hannen mear frij krige om wurkje to kinnen oan syn eigen wolwêzen. Neffens A.M. SustringGa naar eind239. hat it Striidboun tsjin de njoggenhûndert leden en stipers hawn, foar in part geheime, hwant de BVD seach hwat steatsgefaerliks yn syn stribjen. Hwa't de brosjueres fan it Striidboun nochris trochnoasket sit de reden dêrfan net licht ûntdekke. | |
[pagina 387]
| |
E.B. Folkertsma syn bigraffenis, jannewaris 1968, op it Ferwerter tsjerkhôf yn snie en kjeld.
(Folo Leeuwarder Courant) Mar faeks hat it Folkertsma wol flijd; oan humor ûntbriek it him net. Op Nijjiersdei 1968 is Eeltsje Boates Folkertsma forstoarn, nei't er syn lêste tiid yn in geastlik healtsjuster libbe hie. Hy hat in great man west yn Fryslân, lieder troch geast, karakter en singeliere kundichheden. Stie Douwe Kalma oan it bigjin fan de Jongfryske biweging, Folkertsma hat by útstek de trochsetter en de folbringer west. Yn syn essays, samle of apart útjown, hat er syn lân in monumint oan idéen en tael neilitten. Hy hat yn wierheit foar Fryslân libbe, man sûnder baetsucht en op geastlik nivo ûnforfeard en fan bûgjen frjemd. Syn gelikens sil net licht foun wurde. Hat it eigenskip, Folkertsma yn forbân to sjen mei de oprjochting fan de Frysk Nasjonale Partij? Streekrjocht net mear, hwant hy wie al net mear sa goed by it spul doe't dizze partij yn 1966 ta stân kaem. Mar der soe dochs tocht wurde kinne oan de earder oanhelle meidieling fan Gys Koelstra (sj. s. 270), dat Folkertsrna al yn syn earste Striidboun, dat fan 1925, op in Frysknasionale partij oan woe, in idé dêr't er syn freonen doe net yn meikrige hat. Oaren namen nou de tried wer op, foarop J.B. Singelsma, ôfkomstich út it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein, dat by it âlder wurden fan de leden de namme Frysk Nasjonael Boun krigen hie. | |
[pagina 388]
| |
Fytsploech fan de Frysk Nasjonale Partij op it propagandapaed foar de steateforkiezingen fan 1975.
(Foto Leeuwarder Courant) De militanten fan de nije partij komme almeast út dit boun; mar ek út oare rounten hat hja wol oanrin krige. De FNP is federalistysk, sûnder dêr lykwols folle drokte oer to meitsjen. Singelsma is pragmatysk en utersté net radikael. By de rieds- en steateforkiezingen fan 1974 hat de FNP hwat profyt hawn fan it algemien forset tsjin de gewestplannen fan minister De Gaay Fortman, dêr't yn it earstoan net fan bikend wie dat se Fryslân yn wêzen lieten. Spanningen tusk en it bihâldend diel en dejingen dy't forlet fiele fan in (lofts) ideologysk stimpel rneitsje de takomst fan de FNP hwat ûnwis. Fedde Schurer, fiif jier jonger as Folkertsma, hat earst dy syn folger en libbenslang syn freon west. Hy wie master op mear as ien wapen, mar syn dichterskip hat er altyd steld boppe al it oare. Hy wie de oprjochter en de siel fan it tydskrift ‘De Tsjerne’, dat in rige fan jierren yn it Frysk literair libben in oerhearskjend plak hawn hat. Neffens har formule kin ‘De Tsjerne’ faeks forlike wurde mei Douwe Kalma syn ‘Frisia’ yn in earder tiid, mar de ynhâld wie lykwichtiger en alsidiger, meidat de redaksje in echte kollektiviteit wie en it blêd net in biskate rjochting fortsjinwurdige. Mei har poëzy, har proaza en binammen ek har kritysk en essayistysk wurk hat ‘De Tsjerne’ har stimpel set op in tiidrek dat oerienkomt mei | |
[pagina 389]
| |
Fedde Schurer hat yn 1974 syn stânbyld krige op it Hearrenfean. Flankearre wurdt it byld troch de byldhouwer Guus Hellegers en Wil Schurer. Op 'e eftergroun Crackstate.
(Foto Joh. Witteveen) | |
[pagina 390]
| |
Fedde Schurer syn greate jierren nei't er yn Fryslân weromkommen wie. Under de redakteuren en meiwurkers wiene foar en nei Anne Wadman, Douwe Tamminga, Jan Piebenga, Eeltsje Folkertsma, Ype Poortinga, Fokke Sierksma en Sjoerd Leiker, om dy nammen mar to neamen. It wiene de jierren fan de opfiering fan ‘Simson’, fan kneppelfreed en fan de hiele ûntjowing nei in forbounens tusken Fryske biweging en provinsiael bistjûr. Fedde Schurer syn posysje yn Fryslân hat jierren oanien hast ûnoantaestber like. Soks kaem ek troch syn humor, syn maklike omgongsfoarmen en syn hast ûnfryske feardigens yn diskusje en debat. Mar dizze skriuwer hie krektlyk as Simson dochs syn kwetsber sté. Doe't in jongere generaesje him bigoun to bijegenjen mei in bitterens dy't foar him nij en frjemd wie, is him dat oankommen as in kâlde wyn; en hy dy't yn sa mannich striid mei glâns oerein bleaun wie, hie dêr gjin forwar tsjin. It Twadde Keamerlidmaetskip hat foar him binammen in middel west ta bihâld fan minsklike kontakten dêr't er net sûnder koe; en doe't dat ek út wie is er in reisber man bleaun: sprekker, forumlid, faek fier fan hûs. Tagelyk hat er Fryslân noch in dichterlike jefte biskikt, in bondel bibelske ‘songs’: lêste proef fan syn maklik oansprekkende en dochs gefoelige ferskunst. Syn eigen libben hat er biskreaun yn ‘De Bisleine Spegel’, in wûnderaerdich boekje; mar it forhael hat er net ôfkrige en hy hat ek gjin gelegenheit hawn de flaterkes der út to heljen. It wie haestwurk, mei de dea op 'e hakken: syn hert rebellearre. Doe't er hommels weirekke, yn maert 1968, wie Fryslân ien fan syn greatste en trouste soannen kwyt, de striidberste figuer wol út de Jongfryske ‘heldetiid’, dy't mear ta de forbylding sprutsen hat as alle oaren. In hiel oar man wie Jan Tjittes Piebenga: ûnrêstiger en bytiden mei dy ûnfordraechsumens dy't eigen twivel oertwinge moast. Hy wie bilêzen oer 'e mjitte, immen dy't fan skiednis wist, fan filosofy en fan theology en dy't troch eigen wurk, mar mear noch troch stúdzje fan de Fryske skriften en it rémeitsjen fan oarmans hânskriften him forboun fielde mei de literatuer. Yn syn twa kear printe Fryske literatuerskiednis falt de klam hast noch mear op it forline as op de nijere tiid dêr't er folle yn foun dat net oan syn esthetyske of morele noarrnen foldie. Ut it Kristlik Selskip ôfkomstich lyk as Folkertsma en Schurer en yn 1945 fan skoalmaster journalist wurden, bleau er by de earstneamde binefter yn fêstens en by de twadde yn talinten. Hy hat der nei stribbe midden yn it geastlik en politike libben to stean: oan 'e iene kant in man fan de trochbraek en oan de oare kant de Fryske tradysjes earjend en heechhâldend. De bisettingstiid hat him sjoen earst as Uny-rnilitant en | |
[pagina 391]
| |
Jan Piebenga, man fan rêstleaze warberens, Frysk nasionalist, journalist, literair-histoarikus, steatelid; politike ‘trochbraek’-figuer en tagelyk fûl op it heechhâlden fan tradysjes.
(Foto J.D. de Jong) letter as man fan it forset, dy't lykwols nea alhiel de bannen forbrutsen hat mei de lju út de ‘folkske’ rounten, de pûr-forkearden. Dizze tsjinstridichheden foroarje der lykwols neat oan dat hy Fryslân tsjinje wollen hat mei al syn flyt, al syn kunde en syn hiele hert. Syn lange rige haedartikels yn de Ljouwerter krante bifettet mannich boetpreekje tsjin hwat Tiede Dykstra it ‘bastertskaei’ neamde, almeast yn it Hollânsk. En him komt de bliuwende eare ta, it taboe op it Frysk yn de Steaten trochbrutsen to hawwen. Hy is yn 1965 ûnforwachte oan syn ein kommen nei in ûngelok op in glêdde dyk en in ûngefaerlik hjittende yngreep. It wie wol foargoed in forlies. Fan de foaroarlochske generaesje wie hy de jongste; en it is bikend dat hy noch hiel hwat wurk op syn programma stean hie. Underwilens wie de kriem fan de tiid mear en mear oer alle kanten to fornimmen, yn Fryslân faeks dúdliker as yn oare dielen fan Nederlân. Yn it Frysk kultureel libben hat it sosiael motyf lange jierren in biskiedend elemint west. It roppingsbisef hearde der ek by; mar sûnder de muoisumheit fan it bistean fan sa mannich Fries hie dochs de âlde Folkspartij nea safolle oanhing krige en hiene yn 'e lettere tiid ek de ûnthâlding en | |
[pagina 392]
| |
Ienfâldige propaganda fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek, de greatste boekeklub fan Fryslân. *
noch wol mear humanitaire streamingen har nea sa wiidfiemich ûntjaen kinnen. Unfder de nije omstannichheden mei har útballing stadichoan fan de eardere slimme earmoed en aventûrlikheit fan sa mannich bistean, en sûnder de yn de oarlochsjierren forgruzele mythe, is it Frysk humanisme syn twingende en emosionele krêft fierhinne kwytrekke. It is mooglik dat yn Fryslân noch de measte oansletten ûnthâlders sitte; mar fan de eardere libbene biweging, forspraet oant yn de lytste plakken, mei har jeugdbounen en har greate kleurrike gearkomsten, is suver neat oerbleaun. De foroaring is ek to merkbiten yn de literatuer. It Frysk libben lyk as de folksskriuwers en letter Reinder Brolsma, Douwe Kiestra en safolle oaren dat biskreaun hawwe, bistiet amper mear. It boerebidriuw, yn earder tiid in libbensfoarm, is in saeklik birop wurden en maetskiplike opgong en delgong hawwe har foarhinne fakentiden dramatysk karakter forlern. Libbensfragen binne der bleaun en sille der altyd bliuwe, mar de aksinten falle yn dizze tiid hiel oars as bygelyks noch tusken de wrâldoarloggen. Ek it folkstoaniel hat dêrtroch ien fan syn sterkste pylders forlern. | |
[pagina 393]
| |
It soe lykwols ûnkrekt wêze om to sizzen dat de folksskriuwerij útstoarn is. Wol fansels, en dan foargoed, dy yn in de liberael-bilearende trant fan Waling Dykstra, wol de agrarysk en humanitair kleurde út dizze ieu; mar dêr is de kristlike folksskriuwerij foar yn it plak kommen. De Kristlik Fryske Folksbibleteek is in boekesintrum fan bitsjutting wurden dat tûzenen minsken geregeld bitsjinnet mei gaedlike lektuer. It literair nivo fan de boeken fan de KFFB leit ornaris net heech, mar dat wie ek net it gefal mei it wurk fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts. Ut it sukses fan de KFFB, safolle greater as dat fan de yndertiid fan Douwe Kalma oprjochte en nou yn in bisteanskrisis forkearende Fryske Bibleteek, falt in soad to learen; yn elts gefal jowt it in oanwizing oer de kleau dy't mear yn it algemien ûntstien is tusken de lektuer dy't frege wurdt en de literatuer (of hwat dêrfoar trochgiet) dy't levere wurdt. As forskynsel is dizze kleau net nij. Yn Fryslân bistiet dy al fan it bigjin fan de Jongfryske tiid ôf. It hat Douwe Kalma west dy't yn syn greate tiid de persoanlike kunst yn sté fan de folkskunst propagearre; likegoed hawwe yn de Jongfryske fearnsieu auteurs as Reinder Brolsma, Simke Kloosterman, Ulbe van Houten, Nyckle Haisma en Abe Brouwer, om dyen mar to neamen, yn al har forskaet wol witten dat jo skriuwe om lêzen to wurden. Fan dizze generaesje wie nei de bifrijing in part net mear yn libben en in oar part sahwat útskreaun. Anne Wadman binammen hat it west dy't hjirre de nije romanstyl yntrodusearre. Syn frijmoedigens hat earst hwat wjerstân oproppen, mar lang hat dat net duorre. Hy hat (ek as essayist) wurk fan bitsjutting levere; en neitiid is der winlik mar ien opkommen dy't him as proazaïst bilykje kin: Rink van der Velde, skriuwer fan in rige novellen en lytse romans, knap en suggestyf, en wolkom by de measte lêzers. En tige populair is ek de rêdsume feuilletonist Paulus Akkerman. As oare prozaïsten fan bitsjutting dy't it net oan lêzers ûntbrutsen hat, meije noch neamd wurde Ype Poortinga en Ypk fan der Fear (Lipkje Post-Beuckens). Mar skriuwers as Trinus Riemersma, Durk van der Ploeg, Hessel Miedema en R.R. van der Leest, dy't it net oan literaire formogens ûntbrekt, is it minder slagge om kontakt to krijen en to hâlden mei it lêzend publyk. It is in fêststelling dy't binammen reliëf kriget by hwannear't de oplagen fan har boeken forlike wurde mei de tûzenen dy't de KFFB fan har folksskriuwers op de boekemerk bringt. It sil wol mei lizze oan 'e tiid, dy't Fryslân minder profilearre útkomme lit as it him foarhinne wolris fortoand hat en ek oan de geastlike ûnwissichheden dy't de oerhân krige hawwe sûnt de earder sa oerhearskjende sosiael-ekonomyske problematyk har ynspirearjende krêft fierhinne forlern hat. | |
[pagina 394]
| |
Ien fan de middels om de jongerein hwat tichter by de Fryske skriften to bringen is it jierliks ‘ferstival’, in foardrachtekriich foar greatere skoalbern. Op 'e foto rikt frou A. Bosma-Banning de priis fan 1975 út van Janneke Bergsma.
(Foto Leeuwarder Courant) Dêr't âlde motiven weifalle pliget altyd bitizing to ûntstean; hwat dit oangiet heart Fryslân nou wol foargoed ta de wrâld. Mar it sykjen en eksperimintearjen, yn greate literatueren in (nuttich) rânneforskynsel, lit yn in lyts taelgebiet as Fryslân gau it gefaer ûntstean dat it gêst him forbyldet it brea to wêzen. Los dêrfan is gâns nij wurk ek koartamich, wylst de lêzers dochs almeast om hwat substânsje freegje. En noch wer in hiel oar swak punt yn Fryslân is de swierrichheit fan ûnderen op it skriuwershantwurk to learen by brek oan in blêd as it eardere ‘Sljucht en Rjucht’. Der is gjin plak foar fingeroefeningen. Hwat boppe sein is oer it kontaktforlies tusken skriuwers en lêzers jildt faeks noch mear foar de dichtkunst as foar it proaza. Nou pliget der yn dichtbondels nea net safolle slyt to sitten as yn romans en novellen, mar dichters as Obe Postma, Fedde Schurer, Anne Wadman, Sjoerd Spanninga en Marten Sikkema binne mei har wurk yn de biheinde Fryske kultuermienskip dochs wol goed ûnder de minsken kommen. Dat yn 1975 fan Fedde Schurer syn samle fersen yn inkelde moannen tûzenen eksemplaren de doar út gien binne, tsjûget wol fan de bân fan dizze dichter mei de lêzers. It is in dúdlik emosionele bân; mar hoe kin dat ek oars by | |
[pagina 395]
| |
in kunst dêr't de wearde fan sa tige bistiet yn it oerspringen fan fûnken? By de dichtkunst fan nei it ‘Tsjerne’-tiidrek is in soad eksperiminteels: in bisykjen om út de âlde skema's wei to brekken. It is nammers al bigoun mei it tydskrift ‘quatrebras’ dat yn de lettere fyftiger jierren in soarte protest fan de jongerein tsjin ‘De Tsjerne’ wie. Yn de takomst sil it wol slagje yn dizze poëzy it koarn hwat fan it tsjêf to skieden. Der klinke sûnt ek al wer helderder lûden, lyk as fan Tiny Mulder en Berber van der Geest. It folkstoaniel âlde styl is yn 'e pogge en in nije styl ûntjowt him mar muoisum. Dat bitsjut utersté net dat de fuotljochten dôve binne; der is nei de bifrijing wol wer omraek spile, op sealen en ek yn de iepen loft. Dêrfoar is noch wolris in stik út it âld repertoir helle; der binne lykwols ek gâns nije stikken produsearre dy't even hwat sukses hiene en dêr't letter net folle mear fan heard is. Douwe Tamminga syn stik ‘De Hogerhuissaek’ is op dizze regel gjin útsûndering; it is bleaun by in rige opfieringen yn 1950. Koe ‘De Hogerhuissaek’ noch wol sahwat yn de rubryk folkstoaniel ûnderbrocht wurde, hiel oars stie it mei Fedde Schurer syn bibelsk drama ‘Simson’, dat faeks om de hege easken dy't it stelde ek nei in lyts tal moaije opfieringen yn lange jierren net wer fortoand is. Yn 1973 hat lykwols it Kristlik Selskip it nochris wer opfierd mei muzyk fan Bernard Smilde. It stribjen nei in tradysje fan it spyljen fan goede, út oare talen oersette stikken yn de iepenloft to Beetstersweach, is spitich genôch nei tolve jier opjown; it hinge tofolle fan inkelde minsken ôf. Mar de muoite wurdich hawwe dizze opfieringen wol west. Paulus Folkertsma syn namme bliuwt forboun oan it sjongspul ‘De Jonkerboer’, tekst fan Ype Poortinga nei Eeltsje Halbertsma syn bikende novelle, dat fan al ditsoarte wurk yn Fryslân de opera it meast binei komt. It is spitich dat nei de útfieringen yn 1946 winlik allinne de moaije ouverture noch wolris spile wurdt. Gewach heart makke to wurden fan it winterjounenocht fan it selskip Tetman de Vries, in rige fan jierren treflik kabaret. Der hawwe ek inkelde toanielploechjes bistien (Barend van der Veen noch in skoft, en De Jounpraters); in oanwinst fan bitsjutting is it Frysk semi-biropsselskip Tryater, dat it lykwols mei it krijen fan subsydzje sawol as mei it gearstallen fan in gaedlik repertoir net maklik hat. Under bistjûr fan de Akademy is in mânske skiednis fan Fryslân ta stân kommen (1968) yn de Hollânske tael mar hiel hwat professioneler fan opset en ynhâld as Douwe Kalma syn bikende boek. Letter is dêr noch in moai wiidweidich oersjoch oer de jierren 1945-1970 oan tafoege, bidoeld ek as earejefte foar kommissaris Linthorst Homan by dy syn ôfgean yn | |
[pagina 396]
| |
Jubileumprogramma fan it kabaretselskip Tetman de Vries, dat nei de oarloch greate triomfen fierd hat. It wie net it iennichste; ek Rients Gratama hat aerdige programma's jown, mar foar dy waerd op 't lêsl Fryslân hwat to lyts. Neamd mei ek wurde Roel Slofstra as folkssjonger op moai heech nivo. *
1970. In wichtich stik Akademywurk hat fierder west de Fryske ensyklopedy (1958), dêr't binammen prof. Brouwer en Jaep Kalma har flyt en kundigens oan jown hawwe. Jaep Kalma syn great ‘Repertorium’ fan alle oer Fryslân en Fryske saken yn 'e rin fan de jierren forskynde tydskrift-artikels, in bloedigen wurk mar enoarm nuttich, wie in útjefte fan it Fsrysk Genoatskip. Apart moat ek noch nearnd wurde it yn 1964 útkommen boek ‘Om Gysbert Japiks hinne’ fan Jaep Kalma, in aldermoaist stik sawntjinde-ieuwske Fryske kultuerskiednis. Lit ús bisykje sahwat in ynventaris op to meitsjen. Sa't it op't heden is kin de Fryske biweging rûchwei forparte wurde yn in ynstitusionearre en in net-ynstitusionearre diel. Yn it earstneamde stiet de Fryske Akademy mei har ûnderôfdielingen en wurkforbannen en har foarse subsydzjes moai fier foaroan. De Akademy hâldt nei alle rjochtingen aksjes geande en jowt fiks omtinken oan de lange jierren sa forsleauke filology. It wurdboekwurk is winlik it earste dêr't de Akademy oan bigoun is; en yn de lettere jierren binne der ek de geregelde filologyske kongressen kommen | |
[pagina 397]
| |
Untbleating fan it stânbyld fan Gysbert Japiks yn 1966 to Boalsert troch keninginne Juliana. Nêst de keninginne Arjen Holkema, kultureel amtner fan de provinsje, út it skaei fan de dichter.
(Folo J.D. de Jong) mei har ynternasionale bilangstelling en har útwikseling fan mieningen en fynsten. Dit sintrale plak fan de Akademy soe net tinkber en ek net hâldber wêze sûnder in trochgeande oanmoediging fan alle skiedkundige, geakundige, folkskundige en oare kulturele bilangstelling dy't by it folk libbet. Fierder hearre by it ynstitusionearre diel de Provinsiale Underwysrie en de AFUK dy't al fier foar 1940 bistiene. Nei de bifrijing binne der bykommen de Kultuerried, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum en de Kommisje foar Taelbifoardering. Hja driuwe allegearre op oerheitsjild. De jildlike bydrage fan de provinsje foar Fryske tael en kultuer hat neffens in amtlike bisifering yn 1974 krapoan twa miljoen west. Dêryn sitte dan noch net de subsydzjes foar de musea en | |
[pagina 398]
| |
mar foar in lyts part de kosten fan de bibliotheken. Stadichoan komt it ryk ek mear fanwegen; it rapport-Van Ommen hat in goede stimulâns west. Fan de net-ynstitusionearre biweging is de Ried fan de Fryske Biweging de kearn. It Selskip-1844, it Kristlik Frysk Selskip, it Roomsk Frysk Boun, de Jongfryske Mienskip, it Bûtenboun en de Studintefederaesje binne der yn fortsjinwurdige, mar de Ried hat dêrnêst gâns stipers en hat njonkelytsen in eigen bistean krige. Dat komt ek om't de Selskippen gjin aksjesintrums mear binne mei't de Steaten harren stribjen yn haedsaken oernommen hawwe. It Selskip-1844 hat gjin eigen blêd mear; it Kristlik Frysk Selskip en Roomsk Frysk Boun jowe yn 'e mande ‘De Stim fan Fryslân’ út. Sels jowt de Ried yn 'e mande mei de Fryske studintefederaesje ‘De Stiennen Man’ út, yn oarsprong it orgaen fan it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein. It is nou in kaderblêd mei in libbene ynhâld en út en troch ek aerdige stúdzjes. It bilang fan de Ried sit yn syn formogen om in eigen plak yn to nimmen en in eigen stânpunt hearre to litten, los fan de oerheit. Yn earder tiid hat de oerheit fansels fiersto min dien; mar nou't de tiden foroare binne is it dochs net goed sahwat alles mar oan de oerheit oer to litten. It gefaer bistiet dan dat binammen it propagandistysk elemint tofolle yn 'e fordrukking komt. De Fryske kultuermienskip moat libben bliuwe; it Frysk moat leard wurde. Dat freget in duorjende en aktive wachens dêr't de oerheit net foar riede kin. En om't de Selskippen dêr op mannich plak net mear ta yn steat binne soe tocht wurde kinne oan in selsstannich hanneljen fan de Ried fan de Fryske Biweging, bygelyks troch it - safolle mooglik yn oerliz - oanwizen fan lytse pleatslike aksjekomité's foar it organisearjen fan kursussen foar folwoeksenen en it bifoarderjen fan in forskaet oan kultureel wurk. Dat soe dan ûnder folslein oare omstannichheden sa likernôch itselde wêze as hwat it âldste fan de Selskippen folle mear as in ieu forlyn foar eagen stie yn syn lyts mar moedich bigjin. In kommisje fan saekkundigen hat koart nei de bifrijing foroaringen oanbrocht yn de stavering fan it Frysk. De rêst en ienriedigens hwermei't dy algemien akseptearre binne forskilt gâns fan de fûle striid dy't yn de sawntiger jierren ûntstien is oer útstellen foar in fikse forienfâldiging, binammen yn it bilang fan it ûnderwiis. De Steaten, dy't de kwestje fan de stavering as bihearrend ta de Fryske kultuerpolityk oan har lutsen hawwe, hawwe yn 1977 keazen foar in kompromis dat gâns in stik bliuwt ûnder de winsken yn somlike ûnderwiisrounten, mar binammen literaire formiddens dochs in stik to fier giet. De Steatestavering sil bigjin 1980 offisieel | |
[pagina 399]
| |
De Fryske folkshegeskoalle hat yn 1976 einlings op Skylge in moaije en moderne bihuzing krige. Tritich jier hie alle wurk him ôfspylje moatten yn hwat formakke âlde Dútske bunkers yn de dunen. It jild is foar in great part by mekoar fandele út jeften en rinteleaze lieningen! *
ynfierd wurde op 'e skoallen en hwa wit, giet it der krekt sa mei as mei de Selskipsstavering in ieu earder dy't in woldiedige rêst brocht nei folle getsier. In bliid barren yn 1967 hat west de iepening fan it nije en moaije gebou fan de Fryske folkshegeskoalle op Skylge. Fan alle kanten is hjir jild foar by mekoarren brocht en hwat dêr foar ta stân kommen is nei langer as in heale ieu stribjen en ymprovisearjen, kin bisjen lije. Yn de tiid nei de oarloch hawwe der al wer acht Greatfryske kongressen west. It bigjin yn 1955wie hwat wifkjend; it foel net ta de oarlochsjierren to forjitten en lju fan it Arend Lang-type wer as maten bihannelje to moatten. Mar stadichoan is it better wurden. Der bistiet in ‘Friesenrat’ (Fryske Rie) en der binne goede kontakten tusken de Fryske Akademy, de ‘Ostfriesische Landschaft’ en it ‘Nordfriisk Instituut’. Eardere Greatfryske idéen mei in stikje emosionele lading hawwe sûnt de fjirtiger jierren foargoed in plak krige yn it ryk fan de yllúzjes. |