ik sei, mar stil ôfwachtsje. Gjin panyk. 'k Wie doe nei in dokter ta. Ja, dat wienen Syts har útfynsels. Ik sei, healwize oanslaggen allegear, mar dat soe dan sa goed wêze. No, ik tocht, ik fermeitsje my wol, en se moat mar ôfwachtsje wannear't ik wer thúskom.
Ik wit net wat Syts mankearde, dy is dy moandeitemoarns fuort al om dokter flein. Ik tocht, wat der no stikken is, mar nee, it wie om my begûn! No, dat soe heve! Ik sei tsjin dy kearel, dat ien fan ús beiden de kolder yn 'e kop hat is bêst mooglik, mar ik leau net dat ik dat bin. Ah, jo moatte sokke lju stean, oars geane se mei hoazzen en skuon oer jo hinne. Ik moast mar in skoftsje thúsbliuwe, tocht him. No, ik sei, dan gean ús klokken aardich lyk, dat wie 'k sels ek al fan doel. Doe hat er Syts wiismakke dat ik nei Ljouwert moast, no hawar, ik koe dat gesanger ek net oan 'e kop ferneare, dat ik ha nei dy fint ta west. No, ik sei dy jûns tsjin Syts, no ha 'k by de grutste idioat fan Ljouwert west. Wat dy kearel net frege! Oft ik in soad fan ús mem holden hie, oft wy it faak dienen, oft ik wolris nuvere dingen seach, dy't der net wienen. Ik ha mar wat ja en nee sein, wat hie hy dermei te meitsjen. Hy hie ek mei de sjef praat, sei er, en dy wie wol oer my te sprekken. Moast der ek noch bykomme, 'k ha in pear goeie hannen oan 't liif. Doe frege er oft it wurk my net foldie en wêrom net. Oft ik miskien graach hegerop woe, ploechbaas of sa? De sjef hie sein dat dêr miskien wol wat op te finen wie. Wat ik derfan tocht? Mar 'k ha mar wat grânzge, 'k woe my foar dy fint net útklaaie. Ik like him oars wol in flinke kearel ta, sei er, hy tocht seker dat ik wiis wie mei sa'n komplimintsje. Dat ik mear yn 'e bouten hie as him, wist ik wol.
'k Hie dochs wat happiger wêze moatten, dan hie ik him miskien útkloarkje kinnen oer wat de sjef sein hie oer dat ploechbaas wêzen. Fansels hie 'k it net oannommen,