nichste redakteur fan west hie. Doe't er hast in jier letter út de redaksje gong, kaam Folkertsma der wer yn, no as fêste meiwurker. Yn beide blêden naam Riemersma stânpunten yn, dy't op wjerstân stuiten, lykas oer it militarisme, de moderne poëzy en de Beweging. Utsprutsen opfettingen hie er ek oer de roman De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962) fan Anne Wadman, dy't er fuort nei ferskinen ûnder de sprekkende titel ‘Striepop fan it Wadmanisme’ delsabele. Yn dy snuorje moat er foar it earst in ferhaal foar de Rely Jorritsmapriisfraach ynstjoerd hawwe, en fuort op itselde stuit dat er hearde dat er dêr in priis foar krigen hie, is er yn maaie 1963 mei it boek begongen dat it oare jiers as Fabryk útkomme soe. Hy ferwurke dêr persoanlike ûnderfiningen yn, foaral mei de Kondins (ek al binne op fersyk fan de útjouwer de rûchste spoaren weimakke en is it in grientekonservefabryk wurden), mar ek út syn bernetiid yn in net by namme neamd doarp, dat oan in ferwizing nei it swiere wurk Bûtendyk te sjen, Ferwert wol wêze moat.
Jier oan jier hast en soms sels twa kear yn ien jier ferskynden dêrnei oant 1977 romans, bondels mei koarte ferhalen en fersebondels, dy't op in inkelde útsûndering nei stik foar stik in soad wurdearring fûnen. Nei't er yn 1981 noch in roman útjûn hie (dy't yn 1978 al klear wie), duorre it oant 1992 ear't der wer in boek fan him útkaam, De reade bwarre. De kearn dêrfan hie er yn 1967-'68 al skreaun. Hy krige dêr yn 1995 de Gysbert-Japicxpriis foar, sa't er yn 1967 dyselde priis ek krigen hie foar Fabryk.
It net allinnich om syn mânske omfang yndrukwekkende boek docht yn in protte opsichten tinken oan it masterwurk fan Louis Paul Boon, De Kapellekensbaan (1953). Ek yn oar wurk blykt besibbens of niget oan Boon. Wat al sûnt 1970 it earst opfalt, is de eigen stavering, mar fuort fan it begjin ôf is like persoanlik de eigen toan. Riemersma