| |
| |
| |
Nu iz de dey forronn' mey uwre' in stuwne
De jûns doe't de bern op bêd wienen, en Syts en ik oan tafel sieten, hja lêzend, en ik mei in krante foar my, kaam der eat fan in stille berêsting oer ús. Ik hie nammers it gefoel dat wy sa'n frede al ris earder belibbe hienen: doe't wy in jier of tsien lyn op in sneintemiddei yn 't gers leinen te sjen nei de wolken dy't yn jimmeroan nije formaasjes oer ús hinne glieden, en de fûgels om ús hinne hipten. Alles om ús skode en swaaide foarby, mar wy leinen fêstklonken oan 'e grûn. Doe hienen wy stjerre moatten, wy wachten op 'e dea, mar dy kaam net, en wylst de sinne syn waarmens ferlear, kroasken wy op hûs oan. De nachts sochten wy de dea op, en stienen each yn each mei him, mar hy wiisde ús ôf. De oantins dy't wy holden wienen in pear bloedflekken en de mûle fol jiske en fertriet, wy wienen man en frou wurden. En dy ôfrin warskôge my dat ek dizze sneintejûn my de frede en de dea net gund wurde soenen. Der wie gjin mooglikheid, no likemin as doe, lâns yllegale wegen út it libben te ferdwinen, sêft, ûnhearber, lykas de reek dy't oplûkt.
Ik lei myn hân tusken Syts har knibbels om't alles my beneare. Hja seach my leaf oan. Ik streake oer har nylons, heakke in pink efter har jarretel: it soe ferrinne lykas doe, in wanhopige flecht yn har lichem. Ik twong myn omtinken nei har, woe al it oare ferjitte, en it slagge my ek. Wy rôlen oer it bêd, ik wraksele my boppe op har, boarre in paad nei it lok. Hja joech har oer, ik ûntspande myn greep. Mar it wie in taktyk fan har, hja sloech ynienen de fuotten om my hinne en smiet my om en siet op my.
‘Jûn nim ik dy,’ hime hja.
Hja drukte har knibbels yn myn siden en steunde mei de hannen op myn skouders. Har bekken skode foaroer
| |
| |
en wer nei ûnderen, draaide eksintrysk om myn as. It wie my ynearsten net ûnnoflik, hoewol't ik machtleas oan har oerlevere wie en net meidwaan koe. Hja wie in sierlike goadin sa't hja op my siet, mei de lytse boarsten hinne en wer weevjend. Mar ek in strange goadin, mei hurde spieren yn 'e dijen, dy't har op en del wurken. Ik lei tusken de bankskroeven fan har knibbels, ik koe net los komme, skopte wanhopich mei de fuotten. Har bekken bleau no swier rêstend op my, skode hinne en wer. Har slútspier kniep om myn slachte, hielendal wied er yn har lichem ferdwûn, en noch sûgde hja har fêster en fêster. Foar myn eagen flitsten de boarsten foarby yn it flauwe ljocht fan it nachtpitsje. Ik woe wat sizze, mar ik koe it net, en ik twivele oft hja wol harkje soe. Har lichem warde him heftiger, hja kaam oan har klimaks ta, en nettsjinsteande alles fielde ik dat ik ek klearkaam, mar it gyng bûten my om, it sied waard út my weilutsen dat it skrinend sear die, as it wriuwen yn in iepen wûne. Hja liet myn skouders los, en foel njonken my del, mar hja hold myn lid stiif beet, dat er hast fan myn liif ôfskuord waard. Hja lei ticht tsjin my oan, flústere noch wat en liet my los. Ik lei stil op 'e rêch te sjen. Ik fielde deroan. Hy wie ûnnoazele lyts en slop, mar hy die net mear sear.
Ik koe de sliep net krije, ik wie bang wurden fan Syts en har piniging. Bang wie ik ek fan de nacht, en noch mear fan de dei fan moarn, dy't myn libben feroarje soe. Ik gyng nei ûnderen om in mûlfol kâlde tee te drinken en in sigaret te smoken. Ik waard suver huverich fan it sitten yn myn ûnderguod, dat ik helle myn klean út de keuken, de klean dy't ik moarn wer oan ha moast nei it wurk. Ik tocht, ik moast mar in eintsje rinne, faaks soe de nachtlucht de neare tinzen út my weidriuwe, en miskien waard ik dan ek wat sliepperich. Ik ûntskoattele de doar en taaste mei de teannen nei myn klompen. In sleauwe waar- | |
| |
mens sloech my temjitte. Ik rûn it hiem ôf nei de grutte wei. No en dan sûze my in auto foarby, fierders wie it stil. Ik gyng nei it doarp ta, dêr't net folle ljochten mear baarnden. In pearke kaam my yn 'e mjitte, hja seagen my net oankommen, dat ik moast fan it trotwaar ôf. Hja murken my net iens op, miskien om't ik hjir net hearde, in kearel fan tritich strúnt nachts net troch de buorren. Mar wer hearde ik dan wol?
Doe't ik wer thús kaam baarnde der ljocht yn 'e keamer en Syts siet yn in stoel.
‘Wat hast dien?’ sei hja. ‘Kom dochs op bêd.’
‘Gean do mar, ik kom aanst wol.’
‘Ik kin net sliepe, asto hjir sitst. Kom no mei. 't Wie ommers niis sa moai, pop, toe, giest mei?’
‘Earst noch in sigaret.’
It wie op slach fan tolven doe't ik de sigaret oanstiek, en doe't ik him útdrukte wie de moandei begûn. Ik die myn jaske út, mar de oare klean hold ik oan en yn it tsjuster kroep ik by de trep op. Ik skopte mei de foet tsjin eat oan, ik wit net wat it wie, miskien in skoech. It boldere by de trep del.
‘Wat wie dat?’ flústere Syts.
‘Se woenen my keare. Yn 'e gong stie in man mei in lang, raffelich bosk hier dat him oer syn gesicht foel en oan syn burd en klean fêstklitte. Hy woe my pakke, mar ik haw him tsjin 'e grûn slein. Midden op 'e trep siet ien te slûgjen. Wylst ik him foarby rûn, seach ik dat syn plasse ferwidere wie en it gat wie sletten mei in plestik kapke. Ik haw him in traap jûn dat er hals oer de kop nei ûnderen rôle. Boppe stie de tredde, in hiele grutte kearel mei in keale holle en grutte bluod'rige plakken oan wjerskanten fan de noas. Hy taaste om him hinne, mar ik bin ûnder syn earm trochdûkt. Hearsto wat by de doar, Syts? Syts, de kruk beweecht!’
| |
| |
It bleau in hiel skoft stil, doe fielde ik ynienen wat boppe my bewegen. In hite wazem striek oer myn gesicht en ik roek in neare switlucht. Hy taaste oer myn lichem. Ik die oft ik neat murk, mar ûndertusken registrearren myn harsens alles. Hy makke myn strûper los en wrotte my dy út. Ik liet him stil gewurde, mar doe't er ek mei myn broek begjinne soe, spatte ik oerein en joech him in dúst. Ik sprong fan it bêd ôf om it ljocht op te dwaan, mar ien wie my al foar, it wie Syts. Hja seach der tige ûntdien út.
‘Is er fuort?’ frege ik.
‘Toe,’ sei hja, ‘toe, gean op bêd.’
Hja wie leau 'k noch kjelder wurden as ik. Ik gyng op 'e rane fan it bed sitten, wylst Syts nei de waskbak rûn.
‘Drink mar ris,’ sei hja.
‘Bist kjel wurden, ju? Woe er dy ek wat dwaan? Ik hie him al in hiel skoft fernommen. Hy stie op 'e stoepe syn mes te slypjen. Heardest it net? It kraste deroer. Hy soe my de klean útlûke, want hy woe my wat dwaan mei it mes.’
‘Doch dyn broek út en dyn pyjama oan en lit ús ús deljaan, it is al by twaen.’
‘Twa oere? Mar dan moat ik begjinne. Wêr is myn strûper?’
‘Gean no op bêd, yn godsnamme, jou dy del.’
‘Ik moat nei 't fabryk,’ sei ik en ik rûn by de trep del nei ûnderen. Ik gyng yn 'e stoel sitten en sette de radio súntsjes oan op 'e Nordwestdeutscher. Ik hie noch tolve oeren, dan moast ik op it fabryk wêze. Ik moast in oplossing sykje, de nacht wie al heal om en noch hie ik gjin bettere mooglikheid fûn. Mar myn holle wie sa swier, ik koe net mear prakkesearje en ik wie wurch, wurch as in hûn. Ik rûn hinne en wer troch de keamer om wekker te bliuwen, mar optlêst kroep ik dochs wer yn 'e stoel. It wie kertier foar trijen, ik wie op.
| |
| |
Ik rûn troch in lange gong, altyd mar rjochtút. Op in stuit miende ik in soarte fan sjongen te hearren fan hiel fine stimmen. It duorre ek mar in momint. Ik bleau stean om better harkje te kinnen. Ik hearde hielendal neat mear, mar wol fielde ik nuvergenôch dat der in luchtstream by my lâns glied. Ik draaide my om, en fielde it dúdlik yn myn gesicht, it waaide of siigde hjir. Ik rûn fierder, fernaam neat mear, ik bleau stean en dêr wie it wer, dy nuvere wyn. Hy skynde likehurd te gean as ik, want ûnder it rinnen fielde ik neat. Ik woe de proef op 'e som nimme, ik draaide my om en woe werom rinne. Mar gjin kwestje fan, ik koe der net yn op komme. De wyn, dy't hast net te fernimmen wie, stie foar my as in muorre. Ik moast foarút, ik waard dreaun en sûgd. Noch fersette ik my, socht hâld oan 'e muorre, mar ik koe gjin foet út it stee bringe, ik mòàst fierder. Doe't ik net langer tsjinaksele en my meifiere liet, hearde ik laitsjen. Der wie gjin twivel mooglik, der waard lake, in superieur laitsjen wie it. Ik kearde my om, mar der wie nimmen, allinne de wyn dy't my fuortdreau. Op 'e nij kaam it, dat gekoanstekkende laitsjen flakby myn ear. Ik lei de hân op myn strôtbol, nee, ik lake sels net, mar wa dan? Ik joech ûnferwachts in hou efterút - boppe, hiel heech, klonk it laitsjen. Ik joech it oer.
Healwei fjouweren, der is gjin útkomst mear. Wat ik siedde haw, moat ik rispje. Alles sakket wei yn it moeras en de oertiid keart werom. Minske wurdt wer bist.
Syts kaam troch de doar mei in tekken oer de earm. Ik hold my sliepend en liet my troch har bestopje. Hja rûn hoeden nei de radio en die him út. Ik lei as in rûp yn myn kokon, ûnder de tekken soe de metamorfoaze pleats ha.
Ik siet yn in doalhôf fan gongen en ik wist net wêr't ik hinne moast. Ik rûn fan bocht ta bocht, loerde soms foarsichtich om 'e hoeke en sprong dan wer dryst foarút. Doe
| |
| |
hearde ik hiel gek sjongen, in dwylsinnige melodij dy't my eangstich makke. It wie sûnder mis net fier fan my ôf, want ik hearde it dan fansiden, dan foar, dan efter. Krekt of rûn ik deromhinne. Ik bleau stean, It wie flak by my, rjochts. Of net rjochts? Rjochtsefter? Nee, efter. It sjongen beweegde! Myn hert bûnze, ik drukte my tsjin de muorre oan en seach. Der kaam in frou om 'e hoeke. In frou! En noch ien, en noch ien. Fiif froulju kamen op my ta, efterinoaroan, yn deselde pas, har eagen stoarren as dy fan in bline en út har kielen kaam dat freeslike sjongen. Ik koe de eagen net taknipe, ik koe net fuortkomme, myn fuotten sieten fêst. Ik begûn te razen, ik skreaude. Ik skreaude myn kiel stikken en der barde neat. Har deade eagen seagen stiif rjochtút, dôf en blyn rûnen hja my foarby.
Ik trille oer alle lea en bekaam net earder as doe't hja út it gesicht wienen. Doe fandele ik al myn fersille moed gear en stoep efter de froulju oan. Op in draaf helle ik har yn en ik bleau op in distânsje fan in meter of fyftjin efter har. Ik hold de hannen tsjin de earen om it lûd dat hja makken net te hearren. Ynienen wie it nammers wei, en de froulju bleauwen stean. Ik kaam noch in pear passen neier en ik seach dat hja yn in seal kommen wienen. ‘Kom!’ waard der roppen. De foarste frou rûn fuort. Har fuotstappen wienen amper te hearren, it waard stil en doe in freeslike klap dy't alle muorren skodzje liet. Amper wienen it lûd en it wjerlûd út de gongen weistoarn, of de stim rôp wer: ‘Kom!’ En wer dy dreunende slach. En dat herhelle him fjouwer kear, oant der noch ien frou stie. Ik stode foarút om't der slimme fermoedens yn my opkamen. Ik gloep de frou foarby en stie yn in lytse seale dy't hast hielendal yn beslach nommen waard troch in grutte masine, in soarte fan âlderwetske terskmasine. ‘Kom!’ rôp it ding. Der foel in ljochtbondel op de frou dy't har nei de masine taloek. Hja rûn by in ferheging op nei it ynwindige fan it appa- | |
| |
raat. Doe foel mei in ûntsettend kabaal it stiel del op de frou, dat it bloed opspatte. De ljochtbondel saaide wer del nei de yngong fan de seal en dôve doe. In sêfte toan klonk oan 'e efterkant op út 'e deamasine. Ik rûn derhinne. ‘Wa is dêr!’ rôp er. Ljochten flitsten om my hinne. Ik doek my, dat ik bûten it skynsel bleau. ‘Kom hjir, do ûnsillige idioat. Wa't my sjocht oerlibbet it net!’ ‘Dyn rol is útspile,’ raasde ik. ‘Fan dizze oere ôf bin ik oerwinner.’ Ik kroep nei it plak dêr't de bromtoan weikaam, wylst de ljochtstrielen my soms troffen en foar in momint ferlammen. Ik krige in swier gefoel yn earms en skonken en út myn kiel makke him in grouwélich geâl los. Ik rekke al ûnder syn tsjoen, it gyng om sekonden. Ik ûntdiek in read each dêr't ljocht ûnder trille, dat moast it wêze. Ik sloech it each oan grús, en de bromtoan foel wei. It rammele fan binnen yn de deamasine, doe spatten der elektryske ladingen oer en wer. Ik flechte nei in hoeke. Der sprong in stange stikken en sloech tsjin de muorre. In felwite flam spuite omheech en in ûntploffing briek de masine yn twaen. De yngewanten fan it mûnster skuorden en yn syn deadskrampen spuide er bloed, fleis en bonken út. Ik waard rekke oan de holle en sakke troch de knibbels. De deamasine stuite op en del, dat der skuorren yn 'e muorren brieken. De iene ûntploffing jage de oare. Ik waard begroeven ûnder fallend pún.
|
|