| |
| |
| |
Crematie is waardig en stijlvol en... pijnloos!
Myn holle fielde as in hûs dat troch de bewenners ferlitten wurdt. Hja hienen it húsree al yn de frachtauto sjoud. Frjemde kearels mei swiere skuon batsten troch myn holle sealen. Hja skuorden it fêstekledeguod fan 'e grûn. Der stie har in ding yn 'e wei, it moast yn de auto, mar hja woenen it net yn 'e auto ha. Hja tôgen it fan de iene keamer nei de oare. In frou mei bern rûn oer myn keale planken.
Gean, sei ik, geane ek jim. Hja woenen lykwols bliuwe. Ik kin jimme net mear bêdzje, ik haw gjin stuollen foar jimme. De kachel is al fuort. Elkenien hat my ferlitten, ik stean neaken en bleat en kin nimmen honk en skut biede. Geane ek jim. De kweajonges sille myn ruten skielk ynslaan. De wjirm sil my tefrette. Strak waakst it gers oer my hinne en bin ik foar ivich wei. Geane ek jim!
‘Heity? Heit! Heit hynder?’
Ik bin in mastodont yn de toendra. Hja hawwe my fongen yn in kûle dy't se mei stokken en moas bedutsen hienen. No bin ik in slaaf. Hja sitte op myn rêch en litte my drave. Prrr, prrr. Hja slagge en stompe my mei puntige stokken. Hja bine my mei touwen en brûke my as sleper. Ik wie in mastodont ienris. Ik bin dea, weisakke yn de toendra. De froast is oer my hinne gien, dat ik kin net ferrotsje. Hja hawwe my yn in bistetún brocht. Ha, in mastodont. Hiest allang dea wêze moatten, âlde, stamst noch út de earste skeppingsfase. Hoefolle iistiden binne oer dyn kop hinne gien, ju? Toe mastodont, seit in jonge frou, wês ris wat fleurich. Memmy, kin er net laitsje? Mem, mei ik him apenútsjes jaan? Mastodont! Hingje net de hiele dei
| |
| |
yn 'e stoel!
‘Wy moatte ite!’
Hja sleepten my werom yn in wrâld dêr't ik ôfskied fan nimme woe. Dit libben doarst ik net mear oan. Ik woe in maits wêze yn in grutte klompe fleis, of in iel yn in lyk. Wêrom moast ik foar Syts oer oan tafel sitte en de bern ierappels opskeppe, wêrom mocht ik net in lintwjirm yn har yngewanten wêze? Och Syts, nim my op yn dyn lichem, lit my swimme yn dyn fruchtwetter, wês ivich swier fan my, mar bernje my nea. O Syts, hâld my yn dy, ik wol it deiljocht en it leed net sjen.
‘Helpst even mei it ôfwaskjen?’
De tonge leit my as lear yn de mûle. Ik haw tefolle smookt. Ik smook my út de wrâld wei, ik lis in reekgerdyn om my hinne. Lit my mei rêst, lit my gewurde. Ik haw toarst, ik bin branderich yn 'e mage, de hannen en fuotten fiele grou, ik swit sa, ik bin kâld.
‘Sille wy kuierje?’
‘Ik wol op bêd, ik fiel my net al te goed.’
Hja geane fuort. Heity siik? Dach heit. Myn lichem tynt út, de klean knipe my oer alle lea. Ik moat op bêd. Myn holle stjit tsjin it plafond, ik moat my bûge. Ik krûp nei de doar. Ik lis langút oer de drompel. Myn heupen kinne net tusken de posten troch. Ik wring my yn alle bochten. Ik kronkel je as in rûp by de trep op. Myn foarste sûchnappen set ik op in trieme en lûk myn efterste ein omheech. Ik stean rjochtop, rek my út, sûch my fêst. Wer kliuw ik in eintsje heger. Ik moat in ûntsachlik ein ôflizze. Ik bin sa bang dat de fûgels my oppikke sille, ik bin sa bang dat ien my plattrapet. Ik haw gjin bonken, gjin skilden, gjin wapens. Ik kin allinne mar krûpe, fêstsûge en myn lichem oanlûke en fuortskowe. Ik haw gjin poaten, gjin teisters, gjin wjokken. Ik krûp, oere oan oere. Ik bin in rûp. Sjoch, in rûp, in smoarge rûp. Wâdzje him dea, sa'n smoarge rûp.
| |
| |
Ik lis op bêd, neaken. Mar noch sitte der strakke bannen oer myn fleis, myn bloedieren binne ôfbûn, it bloed slacht my fûl tsjin de sliepen en yn de fingerseinen. De tekkens drukke al mar swierder op my.
In rûp mei net libje, in rûp moat opfretten wurde troch de fûgels, deaspuite mei fergif, platwâde, of hy moat fansiden krûpe en in flinter wurde. Ik wol net in flinter wêze mei felkleurige wjokken, ik wol net oer de blommen fladderje. Lit my in rûp wêze, sûnder kop en poaten. Lit my op de blêden sitte. Moat ik dan in flinter wurde om libje te meien?
Ik stie yn it oerwâld. In leger eamelders komt oanmarsjearen. Hja rinne iiskâld de rivier yn. De foarste lit him falle, de twadde rint oer him hinne en glydt ek yn it wetter, pakt him beet, de tredde, de fjirde. In libbene keattingbrêge oer de rivier. It leger marsjeart oer de lichems fan de pioniers, man foar man. Hja komme droech oan de oare igge. De pioniers bliuwe yn it wetter lizzen, se binne fersopen. It binne mar tûzen. Der komme manlju mei flammewerpers. De eamelders slute de minsken yn. Miljoenen fine de fjoerdea, miljarden oerfalle de manlju en gnauwe har keal oant de wite bonken.
Ik bin in luchtballon. In jonkje blaast my op. Ik wurd grut. ‘Mem, mem!’ ropt er. Ik wurd noch grouwer. Net mear, aanst barst ik! Hy lit my los, ik flodderje leech, ik skronfelje yninoar. Hy pakt my wer en hâldt my oan 'e mûle. Ik groei, ik set út. ‘Hoei, hoei,’ roppe de bern, ‘wat in grouwen, strak barst er. O, wat is er grut. Lit him ris barste, toe ju, lit him ploffe, sil ik deryn stekke?’ ‘Nee,’ seit it jonkje. Ffrrt, ik bin leech. Meitsje my net sa bang. Lit my mei rêst, boartsje net mei my om!
Ik waard wekker. Ik fielde my hast in bytsje útrêst en dat betsjutte dat ik ek wer tinke koe. Hoe't ik de foarige jûns thúskommen wie, koe ik my lykwols amper yn 't sin
| |
| |
bringe. Ik hie wol inkelde details ta myn beskikking, in busreis, in studint, en noch in pear, mar ik koe se net yn de juste folchoarder krije en it ferbân tusken ien en oar koe ik net efterhelje. Doe't ik yn 'e hûs kaam, wie dêr in aparte sfear. Syts wie út har gewoane dwaan. Hja wie koart om't ik let wie, of miskien mear om't ik net wist wêr't ik de tiid brocht hie. De broek fûn hja wol aardich.
‘En skuon, hast dy ek?’
Ik hold my deastil. Ik tocht, ik sis neat. Even kijken naar het vogeltje. Wa't laket moat betelje.
‘Stean net sa ûnnoazel te gnizen,’ raasde hja. ‘Hast skuon of net!’
De minsken om my hinne begûnen frjemd te reagearjen, Syts ek al. Dy fint yn 'e bus hie om alles gniisd, om de meast earnstige dingen, bygelyks doe't ik sei dat myn pleats ôfbaarnd wie. Der siet in jong moskje op it tek, it koe noch net fleane. It hipte wat op en del, as fernaam it dat aanst de hite flammen út it broeiende hea slaan soenen. Bisten binne skerp, sei ik. In hûn wit al in pear oeren fan tefoaren dat der swier waar op til is. Dan krûpt er yn syn koer of tusken de fuotten fan syn baas en jankt sêft. Doe sloegen de flammen oan alle kanten út it tek. It moskje ferbaarnde libben. Hu-hu, ha-ha-ha. Mar Syts wie krekt oarsom, dy waard lilk om in grapke. De jûns, doe't de bern op bêd wienen en Syts efter oan it teesetten wie, treau ik gau in popke ûnder it kessen fan har stoel. Ik pakte in krante en ferskûle my derefter. Ik stoar omtrint fan it gnizen, ik koe suver net op 'e stoel sitten bliuwe. Syts kaam deryn. Hja sette de tee op it pitsje en gyng sitten. ‘Mèèèèk,’ sei it. Ik ferskuorde my. Hja sprong oerein, raamde it popke en sloech it yn in hoeke. Doe begûn hja my út te skellen, grut kring, en noch folle mâlder, ik haw it lokkich net iens allegear ferstien. Hja sei: ‘Alles komt op my del, do bist krekt in bern. Bisto no in kearel!’
| |
| |
Ik wist net wat te anderjen, ik moast hieltyd omskeakelje. Hja begûn te gûlen.
‘Wat is der mei dy,’ skriemde hja, ‘wêrom dochst sa raar?’
Dat mocht ik har ek wol freegje. Dat sei ik ek.
‘Do, do likest wol gek, wat is der mei dy, de lêste tiid?’
Dat moast ik har meistimme. Ik sei: ‘Ik bin in bytsje gek, Syts. Noch oardeljier, dan bin ik miskien hielendal gek. Silst by my komme?’
Hja rûn tebek nei de doar en gyng hastich de keamer út. Hja kaam net wer. Ik wachte mar, har efternei rinne woe ik net, mar it bleau wachtsjen, de hiele jûn. Optlêst bin ik mar nei boppen gien. Hja lei al op bêd. Ik haw har in nachttút jûn, want ien fan beiden moast de wiiste wêze. Oft hja it murken hat, wit ik net, faaks sliepte hja ek wol echt.
Ik wit no, dat de beslissing binnen fjouwerentweintich oeren pleats ha sil. Utstel fan eksekúsje is net mear mooglik. Optheden sjoch ik der net sa bot tsjin oan, ik kin myn lot dochs net ûntrinne. Ferlieze of oerwinne sil ik. Mar oerwinne is eigentlik ek ferlieze, oars faaks, mar dochs ferlieze, jinsels, jins earlikheid, jins ûnskuld. Ferlieze kin ik, of ik kin ferlieze. It is ien-tût-mem. Dat makket alles ta in mop, allinne, dy mop kin men net om laitsje, want hy is te bitter. Hy giet net oer in gek dy't yn it ljocht fan in bûslampe opklimme woe, ha-ha, hy giet oer my en oer Syts en de hiele wrâld. Elkenien wrot en skript hjir om. De iene stiet op de oare syn lyk en rekt him út nei de sinne. Mar ek hy stjert ier of let. Haatsje en leafhawwe, gûle en laitsje, moardzje en deade wurde, alles komt op itselde del. Skielk waakst it gers oer ús, en as de ierdas justjes kantelt, skoot de iiskap oer ús grêven, en as de sinne ienris útbaarnd is, slingeret de ierde út syn baan nei de einichste hoeke fan it hielal. Moarn bin ik dea, of de oare; oare- | |
| |
moarn giet de oerbleaune deroan. Dêr hoecht net om lake te wurden, men kin flokke, gûle, of ûntsettend spuie.
Men soe de sin fan it libben witte moatte, it grutte doel, mar foarsafier't ik sjen kin, is it doel fan it libben de dea, en dat is idioat, want de dea is allinne mar de ôfsluting fan it libben. De dea set it libben ûnder heechspanning, jout alles in air fan gewicht. As men net stjerre soe, wie alles folle ûnbelangriker, miskien hielendal ûnbelangryk. De dea twingt jin om sa heftich mooglik te libjen en binnen de stelde tiid jins bestean fan in beskaat motto te foarsjen. De dea twingt jin ta allerhande waansinnige aktiviteiten, dy't men neilitte soe as men de tiid hie om deroernei te tinken. Men soe tiid hawwe moatte om mei jinsels yn it reine te kommen, om te hifkjen en te wifkjen: goed of tsjoed, mar ear't men de kar dien hat, hat men jin al op tûzen manieren skuldich makke. Men tinkt de kleaune te ûntwinen, mar elke tried dy't men oanlûkt makket de tizeboel grutter, en men raamt en skuort al wanhopiger. Elk libben mislearret troch dat ellindige gebrek oan tiid, in petear moat men ôfbrekke om't de bus fuortgiet, in belangryk probleem kin men net trochtinke, want men moat de kop by it wurk hâlde. Sa ferrint it libben yn in oanienskeakeling fan foarfallen dy't neat om 'e hakken hawwe, de haadsaak wurdt bedutsen troch in massa nuvere feiten, de streek wurdt krûm. Sille se fan my letter sizze dat myn libben ien grutte wrakseling west hat om de sin fan it libben te ûntdekken? As myn âlde maten noch al ris oer my gear komme, wat oantins sille hja dan noch fan my hawwe? Faaks ditte: Witst noch wol dat hy him yn 'e earste klasse ris bedien hat? Hy doarst net te freegjen! Hie hy net in dochter fan dy âlde Fan der Fean? Hy hat ek ris in rút ynslein by it tipeljen! En nammers, wat sil ik sels sizze, as ik tiid krij om de balâns op te meitsjen - dy balâns kin ik no al fêst opmeitsje: it sil allegearre jammerdearlik
| |
| |
mislearje. Dy wissichheid stiet sa stevich dat men der gewoanwei net mear oer hoecht te praten, wat ik dus ek net doch, ik negearje him, besykje him út myn ûnthâld te jeien, en dat slagget meastentiids boppestbêst. Ja, wat oars! As ik my blynstoarje op it sekere feit fan de mislearring, kin ik der better fuortendaliks út stappe. De selsmoard, net út moedeleazens, mar ienfâldich om't men it libben troch hat, om't men der lak oan hat, is in wiis beslút, mar tagelyk is it dwaas, men hat jinsels tefiter. Ik kin net ûntkenne dat ik oan dit libben hingje. Ik wol dochs libje, tsjin better witten yn dan mar, mei de kop yn it sân, mei de tonge fol leagens en de hannen fol bloed, slaan, skoppe, slein wurde, krûpe, rinne, efterút by need, en dochs: libje. Ik flechtsje út it libben wei, skrilje tebek foar de dea, en sto wer like hurd yn it libben op; ik wiis in beskate fizy ôf, libje in momint yn it loftliddich, en begjin fan need wer rotsfêst te leauwen yn in oare, like absurde idee. En dat sil sa troch gean, hinne en wer jachtsjend fan it iene nei it oare, oan myn dea ta, as ik teminsten net al earder ta in grouwélige tefredenheid ferfallen bin. Soms soe ik wolle dat ik wat dommer wie, dat ik mysels net hieltyd op itselde stuit troch hie. De keunst fan it libben is jinsels in rêd foar eagen te draaien. Tsjinoer in stikmannich goede freonen kin men earlik wêze, tsjinoer jinsels nea. Ik leau oan de sin fan alle waansinnige dingen dy't ik oangryp, want ik kin net talitte dat de twivel it near leit op myn hantaasten.
|
|