| |
| |
| |
Myn hert it is sa'n trystich liet
Ik rin en sykje om myn ûre
Ik rûn mar mei yn de stream fan minsken dy't oan dizze kant de strjitte op it sintrum fan de stêd tasetten. Ik hoegde mar mei te rinnen, tusken de lju mei berneweinen en boadskiptassen, dan soe ik fansels teplak komme. Wy berikten de Nijstêd. Ik sleat my oan by in lytse groep dy't him ôfsplitste en in warehûs ynmarsjearde. Ik hie it idee dat dit allegearre him gedroech neffens foarskrift. It wie útgroeid boppe it normale, dat altyd, al is it allinne mar assosjatyf, it abnormale njonken him hat. Dit wie, en dit wie allinne. Ik kaam tusken acht, njoggen fuortskeuveljende persoanen by de ôfdieling heareklaaiing, en as fansels draaiden de oaren om my hinne wei en lieten my allinne.
‘In broek,’ sei ik. ‘Net te djoer. In ferklaaiersbroek.’
Hy naam ien fan de hinger en hold him by my lâns foar de langte.
‘Jo krije tsien persint koarting, dat wurdt dus ienentritich fyftich.’
‘Ja,’ sei ik.
‘By de kassa betelje.’
Even letter rûn ik mei in pakje ûnder de earm wer tusken it folk. De massa wie net mear oer te sjen. Fan begjin oan de ein fan de stêd rûnen minsken yn fjouwerdûbele rigen byinoarlâns. It trotwaar koe elkenien net befetsje. De auto's smoarden yn de minsken.
Ik moast ek om skuon sjen. Dy soenen ek wol goedkeap wêze no. Sjochst mar ris. Ik kaam flak by de etalaazjes lâns en passearre in skuonwinkel. Ik bleau stean en beseach de prizen. Doe't gjinien deryn woe, gyng ik ek wer fierder. Sa kaam ik oan 'e ein en moast wer werom, no yn de bû- | |
| |
tenste rigen, dat ik hie gjin sicht op de winkels. It duorre sa lang ear't ik de Nijstêd ôfrûn hie en keare koe. Ik bleau stean, justjes fansiden, en seach it hear oer. Ynienen rekken myn earen defekt, ik koe de lûden net mear ûnderskiede yn fuotstappen, praat, útroppen en autolawaai, mar it lûd kaam oer my hinne as in buorreljende brij-eftige massa. It wâle op my oan as wetter dat fan alle kanten troch de polderdiken brekt. Ik riek my út, stie op 'e teannen om net te ferdrinken. Al mar sterker sloech it tsjin myn lichem oan.
Der botste ien by my op, dat ik it lykwicht ferlear en in pear passen foarút stroffele. Mei waard ik wer opnommen yn de stream en ik hear de de lju wer gewoan praten. Hja treauwen my stadich bylâns ruten en doarren. Soms seach ik in etalaazje, mar dan wer wist ik it doel fan myn rinnen dêre net, en moast ik my ynspanne om it werom te finen. Skuon? Wêrom moast ik skuon keapje? Dat wie wol nuver! Hie ik mar in maat by my, wy soenen tegearre laitsje kinne: ik sykje om skuon! Haha. Skuon?? Haaaa.
‘Ik sykje om skuon,’ sei ik tsjin in hearke njonken my.
Hy bleau stean, mar lake net, seach allinne mar. Doe helle er it horloazje foar it ljocht.
‘Sawat healwei fjouweren,’ sei er en gyng wer fierder.
Hy lake net. Wie it dan sa slim om skuon keapje te moatten? Ik waard der tryst fan. Soe it dan mar better wêze en keapje se net?
Hja wurken my yn in ynham en ik seach op, ik stie foar ûntsettend grutte ruten. Alles hong fol bloeskes en jurken en rokken. Der stienen froulju yn moaie klean stiif foar harren út te sjen. Der feroare net it minst yn harren hâlding en lichte glim. Ik koe net iens it knippen fan eachlidden gewaarwurde. Ik hie al in set stien te sjen doe't it my opfoel dat ien fan de froulju neaken wie. De útdrukking fan har antlit wie gelyk as dy fan de oaren, de klean skyn
| |
| |
de hja net te missen. Frjemd, har glêde, stive boarsten sieten gjin spienen oan en hja hie ek gjin geslachtsorgaan, it fel lei keal en sljocht tusken har ljisken. Ik stie der netbegripend nei te sjen, doe't der efter de froulju in man ferskynde. Hy hie ûnbidige fuotten, dûnker hier, en in grutte, swarte gniisbeksnor. Hy bleau efter ien fan de froulju stean, lei de earms om har skouders en befielde har boarsten. Hy begûn de knopen fan har bloeske los te meitsjen. Oer har skouder seach ik syn gnyskjend gesicht, syn fingers frimelen tusken har bleate boarsten. Ferdoarje, it wie de broedbij-god! Ik kearde my opslach om. De massa wrotte traach fierder as in tûzenkoppich beest. In defilee fan wurkbijen? Nimmen seach wat efter my barde. Ik makke my los fan it plak en skode tusken it folk. Ik woe hjir wei! Mar hja namen alle paad yn beslach, ik koe net hurder as wa't foar my rûnen. Doe murk ik in koart, dikeftich frommeske op, dat it slagge tusken earms en skonken troch te glûpen en hurder te avensearjen. Ik stoep efter har oan en gloep troch deselde grotten en spleten as hja. Ik koe har maklik yn it each hâlde, want hja hie in koart, swart rokje oan dat sterk ôfstiek by de molkeblauwe kuten en hoksen. Ik folge har troch it labyrint, der wis fan dat hja my derút liede soe. Lykwols, ik rekke har kwyt. Myn holle waard beknypt tusken twa skouders. Foar my flokten se. Wy stienen stil. Fan efteren botste wat weaks tsjin my oan en twa leadswiere boarsten foelen my op de skouderblêden. De siken waarden út myn lichem wei parse, dat ik skreaude. Ik wrotte my los en sprong fansiden in doar yn. Der stienen tafels mei stuollen deromhinne. Ik gyng hymjend sitten.
‘Waarm, mynhear?’
Der stie ien foar my. Ik knikte.
‘Wat wol mynhear brûke?’
Ik moast neitinke, djip tinke om it werom te finen.
| |
| |
‘In pear skuon,’ flústere ik.
‘Bier?’ raasde er, ‘bier? Of kofje?’
‘Bier,’ sei ik.
Ik siet yn in wûnderrêstige hoale; it gerûs fan stimmen wie yn alle gefallen lang sa slim net as de orkaan bûten. Wêr't it frommeske bedarre wie, wist ik net. Faaks helle hja my strak op om my fierder te bringen. Hja soe my hjir dochs net sitte litte? Alhoewol, wêr't ik hinne moast, dêr hie ik gjin aan fan. Hja wist it, hja wie myn stjoer. Hja soe wol komme, ik moast mar tiid dwaan.
Der flitste in swarte earm by myn skouder lâns en doe stie der in glês bier op de tafel. It wie echt bier mei in wite skûmkraach derop, de beltsjes stiigden omheech. Echt bier, gjin hokus-pokus-bier, en dochs wie it samar op de tafel telâne kommen. Ik fielde oan it glês, it wie wiet en kâld. Hommels loek ik myn hân tebek doe't de swarte gûchelder op my ta kaam. Soed er it wer fuort toverje? Mar hy rûn by my lâns. Even letter hied er in blêd fol glêzen. Hy ferparte it ûnder de minsken en hja dronken derfan. Soe dit faaks foar my ornearre wêze? Ik wachte jit en seach nei de minsken yn 'e fierte, dy't de glêzen en kopkes leech makken. Faaks mocht ik it wol ha? Ik naam it glês en sette it oan 'e mûle. It wie al wat ferslein, mar dochs wol lekker. It smakke op bier, en dêr moast ik om laitsje. Bier? frege ik. Bier! antwurde ik op in hege toan. Ik song in ferske: bier-bier-bier. Ik lake sa, ik koe net mear sjonge. Bier, hikte ik, bier. Elkenien lake. Hja sloegen har op 'e knibbels en hongen slop oer de tafel. Ien stie op in stoel yn in bierglês te pisjen, hy âle boppe alles út.
Der kaam in luchtstream op my ta en ik skrok op.
‘Binne dizzen ûnbeset?’ frege immen, en gyng foar my oer sitten. ‘Jo sjogge al sa earnstich, mynhear. Ek al swierrichheden?’
It wie in manspersoan, in jongfeint. Moast hy my no
| |
| |
fierder bringe?
‘Hawwe wy inoar alris earder sjoen?’
‘Op 'e strjitte, jo hawwe my troch de rioelen sleept. Helje jo my op?’
Hy gyng oerein en stiek my de hân ta. Ik griep him mei beide hannen beet: ‘Jo nimme my mei, no?’
‘Fan der Beek,’ sei er.
Doe moast ik hast gûle, mar ik hold my grut.
‘Ik sil jo myn gefal foarlizze. Ik haw studint west, fjouwer jier lang. Se sizze dat ik net mear studint bin, mar dat is wol sa. Ik haw noait wat oars socht, ik studearje noch altyd, dus dan bin ik noch studint, tinkt jo ek net? Fjouwer jier lang hie ik op de universiteit sitten doe't ik oer de kop fleach mei de moter, mar ik bin dochs studint! Jo witte wat logaritmen binne, no? Wy begripe inoar. Fjouwer jier lang haw ik wiskunde studearre, mar hja seinen dat myn harsens kapot wienen. De motor ha se út 'e sleat fiske, de teller stie op hûnderttsien. Doe't ik út it sikehûs kaam, mocht ik net mear op de universiteit. Hja ha my sels myn boeken ûntstellen. Ik koe neat mear. Wat moast ik sûnder boeken begjinne! Wa ken al dy formules fan bûten? Gjinien ommers. Hja ha my lamslein, koartwjokke as in ka. Ik moat boeken ha, ik wol doktoraal dwaan. Myn motor stie op hûnderttsien. Kalm bliuwe moast ik, kalm, foaral kalm, seinen dy dokters, dy ferrekte moardners. Ja, ja, kalm! Net opwine! Net studearje! Wat kuierje en lang sliepe. Dy beulen, dy dieven. Se hawwe myn harsens stellen yn it sikehûs. Ik mocht net mear op 'e universiteit, want ik wie gek, seinen se. No ja, hiel fatsoenlik hear, och sa fatsoenlik. Jo moatte begripe Fan der Beek - ik haw jo al ferteld dat myn namme Fan der Beek is?’
Hy gyng oerein en hold my in hân foar: ‘Fan der Beek!’
Ik lei siik op bêd. It wie nacht, ik kroep smûk wei ûnder
| |
| |
de tekkens. It reinde bûten, it tikke op 'e pannen. Ik wie blykber yn sliep fallen by it ientoanich liet fan de rein, en no't de bui oer wie, waard ik wekker en harke nei de wyn, dy't de beammen kreune liet. Do begûn it op 'e nij te reinen.
‘Ik bin no wer thús fansels, al oardeljier. In moaie keamer hie ik en bêste maten, en wat hie ik al net leard! Alles fuort yn ien kear. Ik haw nei de prof west dêr't ik it bêste mei koe. “Fan der Beek,” sei er, “jo moatte even kalm nei my harkje en de saak rêstich besjen.” Mar hienen jo kalm bleaun? “Professor,” sei ik, “it giet om myn takomst! Ik kin dochs net myn stúdzje ôfbrekke. Wat moat ik dan begjinne?” “Kalm,” sei er. “Jo binne wat oerspand, jo hawwe ek in rare gisel makke, net wier? Jo moatte bliid wêze dat jo it libben derôf brocht hawwe. Earst mar wat rêste, net pikerje, net oer de dingen ynsitte. It komt wol wer klear. Letter...” Mar ik wist dat der gjin letter mear komme soe. No moast it my slagje, hjoed. Ik haw brieven skreaun, wike oan wike, nei de direkteur fan it sikehûs, nei alle proffen, oan myn húsdokter. En wat skreauwen hja my werom? Neat, neat! Gjin letter haw ik fan har krigen. Hja koenen my gjin antwurd jaan, want ik stie yn myn rjocht. Hja koenen my allinne mar negearje, deaswije, en dat ha se dien. Wer och sa netsjes, hear, hja hienen it bêste mei my foar: al myn brieven stjoerden hja troch nei de psychiater. Ik haw by him west en him om antwurd frege. Ah, dy lul, hy draaide der mar wat om hinne en seach my mar oan, bril op, bril ôf. “Ik woe jo wol foar de kop slaan, dokter!” sei ik tsjin him. “Ja, Fan der Beek,” sei er, “dat wol my wol oan, mar dat giet no ienkear net. Jo moatte jo net opwine, dat docht jo beslist gjin goed. Ik sil jo pillen foarskriuwe.” “En myn brieven!” rôp ik. “Letter,” sei er. O, dat ferflokte “letter”. Ik wol it hjoed, op dizze dei, mar it ljocht makket plak foar it tsjuster en wer komt de
| |
| |
sinne op. Ik wol it beethâlde, myn dei, myn oere. Juster bin ik út it sikehûs ûntslein. Wy binne no 17 jannewaris 1962. Allinne dy datum erken ik, en wat in oar seit let my neat. Foar my bliuwt it winter en kâld. Hjoed wol ik wer nei de universiteit, mar myn hjoed duorret al oardeljier lang, en hoelang sil it noch duorje. Soenen jo rêstich studearje kinne, wylst se jo fan alle kanten tsjinwurken?’
De trein begûn stadiger te riden en bleau stean. Op it perron wie it groatfol minsken. De reizgers om my hinne pakten tassen en koffers en ferlieten de kûpee. Ik bleau oer mei in man dy't rjocht foar my oer siet, hielendal efter yn de kûpee. Wy beiden bleauwen sitten. Ik moast fierder, ik wist net werhinne. Ik hie sigaretten yn 'e hân, ik stiek ien tusken de lippen. Blijf kalm, neem een Dushkind. Doe kaam de hân fan de man op my ta as in âlderwetske útskobere fierrekiker. De earm woeks ta trije, fjouwer, acht meter. Hy pakte in sigaret. Itselde gefaarte skeat op my ta mei in baarnende fakkel. Myn eachteisters en wynbrauwen skroeiden, ik krige noas en mûle fol reek. Doe sieten wy yn de restauraasjewagon tegearre oan in tafel. Tusken ús lei in slop, read doaske en in krante. Wy praten oer nijsgjirrige problemen.
‘Ik wit bygelyks folle mear as in learaar oan in middelskoalle, mar lesjaan mei ik net. Sjoch, in foarbyld, twa stippen. Wat is de koartste ferbining tusken twa punten? Wolno’ - in giel stompke poatlead glied oer de krante - ‘in rjochte streek! Der is mar ien rjochte streek mooglik tusken A en B, nammentlik X. Elke rjochte dy't net gearfalt mei X is net rjocht, dy is krûm! Krûme streken kinne jo by tûzenen meitsje, en allegear ferskillend, elk minske kin syn eigen krûme streek lûke, mar de rjochte streek is foar iens en foar altyd fêstlein. As jo ek in rjochte streek ha wolle, moatte jo it poatlead presys op X hâlde, jo streek mei fan de orizjinele net te ûnderskieden wêze, jo moatte
| |
| |
him net sjen kinne. It besykjen om in rjochte te meitsjen dy't net gearfalt mei X is waansinnich en kettersk. Besykje it mar ris, it kin net!’
Doe krige ik in geniale ynfal. Ik triek út A wei in streek dy't likernôch heaks op X stie. Hy seach my ferbouwereare oan.
‘Mar jo moatte nei punt B ta. Komme jo sa by B út?’
‘B kin my neat skele,’ sei ik ‘en ik wit net wêr't ik belânje sil, mar myn streek is rjocht!’
Hy kraste troch ús tekenwurk dat it ûnherkenber waard en tearde de krante binnenstebûten. Hy sei: ‘Jo tinke seker dat jo Jezus binne!’
Der foel in stilte tusken ús. Do begûn er wer te praten, stadich en ferslein: ‘Ik wie net gek, juster doe't ik út it sikehûs kaam, mar njonkenlytsen wurd ik it al. Ik haw oardeljier ferkeard op de smelle strook tusken gewoan en gek, mar se triuwe my wat langer wat mear de ferkearde kant út. Nochris oardeljier, dan ha se my wol oer de grins wrot. Ik wol net gek wêze, mar hja twinge my!’
Hy raasde no en sloech mei de fûst op de tafel. Mei kaam de kondukteur by ús.
‘No mar wer ris nei hûs, net Fan der Beek? Hast hjir de hiele middei al sitten en thús witte se net wêrst bliuwst. Kom jong.’
Hy kloppe him op it skouder. Fan der Beek gyng oerein en stiek my de hân ta.
‘Farwol,’ sei er. ‘Sille jo my opsykje as se my skielk nei Frjentsjer brocht ha?’
Ik knikte, de kiel kniep my ticht.
‘Kenne jo him?’ frege de kondukteur.
Ik skodholle en helle de beurs út de bûse.
‘Wolle jo ôfrekkenje? Fiifensechstich sinten.’
Ik joech him it kaartsje. Der glied in skaad oer syn gesicht, mar fuort dêrop glimke er myld.
| |
| |
‘Ynoarder, hear! Hawwe jo jild by jo?’
Hy seach yn myn beurs en helle der in gûne út.
‘Dan krije jo fiifentritich sinten werom, sjogge jo wol? Jo hawwe noch al wat by jo, jo meie der wol op passe! Moatte jo net nei hûs?’
Ik begriep it net, der wie wat weirekke dat ik net weromfine koe. Ik stroffele en myn knikkerts foelen yn it gers. Ik socht se wer op. Leinen der noch mear tusken de raaien? Ik skuorde it gers ôf om better sjen te kinnen. Ik woe in potnút fine. Hie ik strak in potnút by my hân? Ik fûn in stikje blik, mar dat wie it net. Ik klaude mei de fingers yn 'e grûn, ik woe in goudene knikkert fine.
‘Jo wenje net yn 'e stêd, no? Wêr moatte jo hinne mei de bus?’
Ik moast wer troch de rioelen, ik wie yn in sinkput fallen. Wie ik in rôt?
‘Witte jo it net?’
Der stie in pleats yn 'e brân. It útdroege tek baarnde as in lôge. De brânwar koe net folle útrjochtsje, mei't de grêften hast leech wienen en de wyn bloes yn it fjoer. It tek bejoech him en sakke del. Heech spuiten flammen en fonken op. De groubynten baarnden as fakkels. De terskhúsmuorre wippele, it folk spatte efterút. It ûleboerd kaam del. De brânwar loek him werom en joech it oer. De groubynten stienen as galgen yn de fjoerhel. Neat bleau oer. Ik bin in groubynt, ik bin in ôfbaarnde pleats.
‘Jo moatte sjen dat jo op it stasjon komme, en jou jo kaartsje dan oan in sjauffeur.’
Ik stapte op en hy brocht my oan de doar ta. Der wienen safolle minsken net mear as strak. Ik skode dertusken, rûn hinne en wer en socht mar. Ik hie in pakje ûnder de earm, wie dat it? Ik focht mei de sliep, ik woe wekker wurde, ik woe witte. Mar der hongen seedampen oer myn brein, oer de ferbaarnde restanten fan myn tinken. Koe ik
| |
| |
it noch yn beweging krije? Ik wâde oer heappen pún en kroep ûnder ferwrongen masines troch. Dit wie de ein, ik moast ôfskied nimme. Ik kearde myn pleats de rêch ta en sette it lân yn. De streek X ferblikte, bleau oer punt A. In rjochte streek fan A nei...? Ik stie op 'e râne fan it trotwaar. Ien foet sette ik op 'e dyk. Soe ik oerstekke? Ik rûn de strjitte op. In auto pipe my suver oer de teannen, ik spatte efterút, stie wer op 'e tegels. Nochris besocht ik it. Ik stie op it asfalt, ik berekkene, ik fleach foarút en kaam oan de oare kant. Ien pakte my by de earm.
‘Binne jo hielendal gek! Wolle jo dea?’
Ik moast suver laitsje.
‘Jo namme!’
De wille bestoar it.
‘Ik wit it net,’ sei ik, ‘al myn papieren binne ferbaarnd. Ik moat rjochtút, mar ik wit net wêrhinne.’
Ik liet him myn kaartsje sjen, hy moast it sels mar útsykje.
‘Kom mei.’
Wy rûnen troch de stêd, wy avensearren hurd, want alle minsken makken rûmte foar ús. Ynienen hearde ik wat bekends, ik seach om my hinne. Wy stienen stil.
‘Kenne jo him?’
‘Jawis wol, dat is... en ik hearde wer itselde wurd.
‘Ja,’ raasde ik, ‘ik bin it, ik bin it!’
Ik dûnse op 'e strjitte.
‘Kinne jo him meinimme? No, dat treft dan. En tink in bytsje om him, hen.’
De man neist my hie no wer gewoane klean oan, en hy prate ek folle fleuriger.
‘Hoefolle hast op?’ frege er.
‘Hûnderttsien,’ sei ik.
Wat laken wy.
‘In sigaret, jonge!’
| |
| |
Wy rûnen tegearre troch prachtige tunen. Om ús hinne bloeiden blommen tusken de farens en it rûze sêft troch de hege krunen fan kearsrjochte beammen. Soms kamen ús fleurige optochten foarby. Wy gyngen oer ûnsljocht lân, heuvel op, heuvel ôf. En elke kear as ik op in top stie, like it útsjoch moaier. O, wat hie ik in langst om oan de nije kym te kommen. Letter gyngen wy noch hurder, wy rieden yn in bus en jagen de wrâld ûnder ús wei. Wat wie ik lokkich! Ik gyng derhinne, strak kaam ik der. Elkenien seach bliid, wy rieden it lok temjitte. Efter ús lei in ferbaarnde wrâld, mar foar ús ljochte de sinne oer it dauwiete gers.
‘Mar gau nei Syts, jonge.’
Ik knikte bliid. Syts en ik, Syts en ik. Alles foel fan my ôf.
|
|