| |
| |
| |
Twee halen, drie betalen
Ik hie my de léste tiid net noflik field op it fabryk, en sûnt it ûngemak fan Fan der Mear fielde ik my noch mear as oars in frjemd tusken de oaren. It wie net sa, dat ik twivele oan in saak dy't har ûnferskillich liet, nee, de kleau wie grutter, hja stienen efter it fabryk, goed of tsjoed, wylst ik him wat langer wat mear as myn fijân ûntdiek. Goed of tsjoed, hja prakkesearren der net oer - oars hienen hja it dochs ek ynsjen moatten? - it fabryk namen hja sa't it wie. By harren gjin neitinken, gjin twivel, faaks - nee, dat wist ik ek wol seker, om't men wol it begjin, mar noait de ein fan de twivel wit. Hja eangen de twivel, dat wie it him, hja woenen har wissichheden net yn 'e kiif sette. Leaver libben hja mei eagen en earen sletten as ûntdekkingen te dwaan dy't har ûnwolkom wienen. Sa net, ik wie ek net bliid mei de dingen dy't ik observearre hie. Wêrom moast ik sjen wat ik seach, en dêr't in oar oan foarbygyng? Wêrom moast ik tinke lykas ik tocht, koe ik net oerflakkiger wêze, de dingen mar op har berin litte? Mar dan wer wist ik dat ik mysels net ferleagenje koe. En net woe. Ek net mocht nammers, om Fan der Mear en de oaren. Ik moast har de eagen iepenje, net troch praten, it soe my net slagje, mar ik moast in died stelle, hoe dan ek, in rút ynsmite of in kistke oer de grûn soale. It hearde sa berneftich en dochs... Om har moast it, want it wie ûnbesteanber dat hja lokkich wienen mei har wissichheden lykas ik mei myn twivel. Hja leauden oan dingen dy't net bestienen, en dêrfoaroer ûntkenden hja feiten en ferbannen dy't klear en dúdlik wienen. En dizze tastân koenen hja allinne yn bliuwe troch de rem op har tinken te setten. Har tinzen lieten hja net mear frijût swalkje: hjir begjin ik, en ik sjoch wol wêr't ik telâne kom, nee, hja freden har
| |
| |
tinkwrâld ôf mei stikeltried en buordsjes ‘tagong ferbean’. Want der lizze fuotangels en klemmen, sizze hja, hjir is it betroud, hjir rint elkenien. En gelyk hawwe hja, it lân bûten de ôffreding is woast en ûnbegeanber, mar har bestean is ûnwier, hja lige it dat hja it yn har herntsje sa moai fine, want fan en ta klimme hja tsjin it sket omheech en litte har each oer de wyldens gean, en wa't ta harren komt út de frjemdte binne hja lilk op, om't dy har yn 't sin bringt dat der in oare wrâld is as harres. Hja binne bang en oergeunstich.
Ik hie alle kearen dat ik yn de kantine kaam in blik wurpen op it publikaasjeboerd. It berjochtsje dat it mei Fan der Mear oan it betterjen wie, alteast dat it him goed oansjen liet, hong der al in pear dagen. Neityd wie der blykber gjin feroaring yn it ferrin kommen, of, wat likegoed mooglik wie, hja hienen net wer nei syn tastân ynformearre. Ik hie der wol oer prakkesearre om nei him ta, mar optlêst is men frjemd, en no ja, earlik sein, ik mei net oer de sfear fan in sikehûs, ik kin it net ferneare, al dy machtleaze minsken dêr op bêd. It stjonkt der nei eter en alles is sa skjin. Ik haw net nei him ta west, want eigentlik wurke hy net op deselde ôfdieling as ik, hoewol't er gauris troch ús hal kaam. Wat hie ik nammers sizze moatten oan syn bêd? Soe ik yn him in maat fûn hawwe? As hy it al mei my iens wie en de dingen oanfielde lykas ik, soed er my dan bystean wolle? De fal fan de trep wie foar him tagelyk de útsetter op it fabryk, hy kaam net werom, wat soe hy him der fierder mei bemuoie?
Foar in pear dagen wie der in auto mei stien kommen. Skean foar ús op it terrein hienen se him ôflaad. Ik hie der goed om tocht oft de stien ek mei de kroade fierder ferfierd waard nei it losplak by it wetter, mar dat wie net it gefal, de stien bleau foar stean. ‘Miskien moat der folle mear barre,’ hienen dy timmerlju doe al sein, en hja soe- | |
| |
nen wol gelyk krije. It fabryk moast útwreide, noch mar mear masines en mear folk.
Fan 'e moarn betiid kamen Bouma en de sjef by ús. Hja hienen earst al in skoftsje byinoar stien te praten en doe kamen se op ús ta. Hja raasden in skoft by Geartsma-en-dy om, der koe wol wat wêze. Bouma betsjutte my dat hy de masine wol even betsjinje soe: de sjef woe mei ús prate. Wy stienen neist de etiketear, dêr't Sybesma in skean each op hold. It doel wie dat, wylst wy oars mei ús fjouweren de beide masines regelen, wy it no mei ús trijen dwaan soenen. Ien fan ús soe hjir wei moatte, en dat wie Geartsma, om't dy it jongst wie. Om't er krekt itselde petear ôfstutsen hie tsjin de oaren, miende er faaks dat er syn boadskip allinne mar yn koarte wurden hoegde te herheljen, alteast ik koe him sa gau net neikomme. Hoe moast dat dan as Geartsma fuort wie, der moast dochs ien de doazen folmeitsje? Wy soenen, sei de baas, de taken no kombinearje moatte, bygelyks De Jong en ik by de doazen en Sybesma by de beide etiketearmasines. Dat soe dus foar Sybesma in hiele opjefte betsjutte, mar De Jong en ik moasten ek in eachje op de etiketear hâlde, sadat wy Sybesma warskôgje koenen as der wat misrûn. Boppedat moasten wy in wikselsysteem ynfiere, bygelyks allegear om bar ien oere by de etiketear en twa oeren by de doazen. Meiertiid soenen wy ek om 'e dei ruilje kinne, dat moasten wy dan sels mar útknobbelje. Oft ik op 'e hichte wie mei de etiketear? No nee, net sa tige. Dan wie it de baas dat Sybesma en ik fan 'e moarn ruilen, dan koe ik wat wenne. Nije wike moast Geartsma nei in oare ôfdieling dêr't krap folk wie. It wie wol te regeljen dat it dan earst net al te hurd rûn mei de buskes. Op 'en doer, as wy wend wienen, soe fansels it âlde tempo wer ferfette wurde. Wy, Sybesma en ik, seagen him oan en swijden. Doe kaam dan it doekje foar 't blieden. Wy koenen wol begripe, as dit
| |
| |
sa koe, ien fan de fjouwer man útsparje - it wie útsoarte ynearsten in proef, as it net gyng, no hawar - mar dan wie dat in enoarme besuniging, dêr't, dat sei himsels, ek wy, winliken wy yn 't foarste plak fan profitearje moasten. In heger lean wie fansels útsletten, men sit oan alle einen en kanten bûn oan de c.a.o. Mei it prestaasjelean siet it krekt sa, men kin net heger as sa'n bedrach. Der wie lykwols in mooglikheid om ús in beleanning te jaan foar ús fermeardere aktiviteit en dat soe wêze yn de foarm fan in koarting op it telefyzjetastel dat wy krigen. Hoe presys, dat soe noch besjoen wurde moatte, it moast op in legale manier spile wurde, mar it kaam wol klear, dêr hoegden wy net oer yn noed te sitten. Hy en Bouma setten wer ôf.
It moast dan fuort mar wêze, ornearre Sybesma, en hy grommele wat fan ‘sa'n gedonder altyd’ en ‘'t is of docht men oars noait wat.’ Fansels hied er dat better tsjin de baas sizze kinnen, ik koe it optlêst ek net helpe, dat ik fûtere mar werom, dat er begripe soe dat ik it mei him iens wie.
Wy ruilen. Ik stie by de etiketear en der wie neat te rêden, hy rûn bêst. Ik makke dêrom mar wat doazen klear foar Sybesma, oars die hy it wol foar my. Dat soe fansels aanst ek net mear kinne! Net allinne soe ien man it drok krije mei twa etiketearmasines, mar de oare beide koenen dan ek net mear op syn help rekkenje, wat it reesetten fan doazen oangyng. Moai spul. Der heakke in buske, it tearde in heale slach om, skode fierder en foel by de robot út de bân. Noch ien bleau hingjen, en de oaren waarden der stiif tsjin oan parse, de oanfierbân rekke fol. Ik moast wat dwaan!
‘Sybesma!’ raasde ik.
Hy seach op, mei trije stappen wied er te plak en helle de handle oer. ‘Ut dat ding,’ sei er. ‘Hiest him útsette moatten.’
| |
| |
Ik knikte mar.
‘Moatst dit buske der efkes út fiskje. Hoe kaam it?’
‘Ik wit net, samar wie it mis.’
‘Moatst ris fiele oft der smoargens yn sit. Nee? No, set him dan mar wer yn 't wurk.’
Ik beseach de beide buskes. It iene siet in dûk yn, mar dat koe fan it fallen kommen wêze. Hawar, salang't de akkefysjes net slimmer waarden as dit, soe ik my wol mei it apparaat rêde en nije wike as Geartsma fuort wie, och wat soe ik my dêr drok om meitsje, Sybesma en De Jong soenen it bannich krije. Mar ik dochs ek! Frjemd, mar ik makke my gjin soargen, it wie of gou de nije regeling net mear foar my, of stie ik al min ofte mear los fan it wurk. Dochs soe ik moandeitemiddei twa oere wer presint wêze moatte! Ik likegoed as hja. Mar moandei like sa ûneindich fier ôf, sa dizenich yn de fierte. Of soe der nea wer in moandei foar my komme, alteast net in moandei op it fabryk. Ik woe myn tinzen ta de realiteit twinge, mar it slagge net. Myn harsens draaiden yn ien rjochting fierder, sûnder dat ik de koerts feroarje koe. It wie te let om noch yn te gripen. Iksels hie it materiaal sammele en opslein en it plan útbret, de kanonnen yn stelling brocht. Alles wie ree, elkenien hie syn ynstruksjes. It wachtsjen wie op de presisearring fan de oere U, en dat, dat wie myn taak! Ik, ik moast it sein jaan ta de oanfal. Ik skrille fan myn eigen tinzen dy't ûnmeilydsum troch my hinne flitsten. Myn eigen tinzen, mar ik koe se net werom, of doarst ik se net werom te kennen? Kroep ik yn myn skulp no't it derom gyng de tins yn de taast om te setten? Woe ik dan ek mar leaver de eagen slute en fierder libje yn de leagen? Woe ik dan ôfstân dwaan fan myn minskewêzen? Woe ik de lêste kâns om myn rjocht te nimmen slûpe litte? Nee, och nee, mar ik woe de oere ferstelle. No noch net, der wie noch safolle te beprakkesearjen, ik doarst noch net. Dan moandei dus
| |
| |
wer oan 't wurk! Ik joech my sels gjin antwurd. Ik moast kieze, mar seach tsjin de kar oan. Barde der mar wat, dat ik in reden hawwe soe, of byneed ek gjin reden, as ik my mar sterk en wis fielde. No't ik ienkear ta myn konklúzjes kommen wie, koe ik se net mear foarby. Ik koe de feiten net ûntkenne, net ienris deaswije. It iennichste wie nei ús mem ta te fleanen en my út te gûlen op har brede skerte en yn har beskermjende earms, lykas doe't ik in bern wie. O, koe ik it noch mar ris dwaan! Mar ik koe net. Tosken opinoar en swije, allinne bern meie gûle, folwoeksenen is dat rjocht ûntnommen. Ik moast in kearel útmeitsje en koelbloedich kieze: hearskje of oerhearske wurde, slaan of slein wurde, moard of selsmoard. Foar moandeitemiddei twa oere of uterlik presys twa oere soe de bom barste. De tiid koe ik sels bepale, as ik him smiet. Hie ik him om twa oere noch by my, dan soed er my yn de hannen ûntploffe. Moard of selsmoard.
Ik begûn hurder mei de doazen te arbeidzjen om de sinnen te fersetten. Barde der mar wat mei de masine, dat ik myn tinzen dêr oan wije koe, mar der barde neat, de buskes rôlen lykmoedich troch en passearren it bleekreade, kâlde each fan de robot, dat my hunend en lytsachtsjend oanseach. O, wat hate ik alles op dat stuit.
Om tsien oere gyngen wy nei boppen. Geartsma prate drok mei Bouma en sette doe nei syn nije maten ta, dy't fierderop sieten. Hy woe, sa't like, net iens mear foar it lêst mei ús kofjedrinke. Ik siet mar wat te sjen, de muorren, de seal, en it drinkend en haffeljend folk, en hast in weemoedige stimming kaam yn my, om't ik hjir foar it lêst siet. Foar it lêst? Ik woe der net mear oan tinke! Noch net. Hja praten oer ditsjes en datsjes, en ik mong my hastich yn it petear om mysels te ferjitten.
‘Se hawwe it wer moai foarinoar net, in mantsje by ús wei te heljen!’
| |
| |
‘Ja,’ sei Sybesma.
De Jong woe myn wurden ôfswakje: ‘Se kinne net oars fansels, dy manlju dêre komme om yn 't wurk.’
Ik liet in momint stilte, nimmen woe der wat oan ta foegje.
‘Alles tige by tige, as se dêre temin folk hawwe, moatte se mear personiel oanlûke. It giet dochs net oan om ús dêr de dupe fan wurde te litten?’
Ik snapte net hoe't ik it hie, mar it praten foel my licht, it gyng fansels.
‘No ferjitte jo ien ding, hen.’ sei Bouma, ‘wy sitte hjir meiinoar op it fabryk, de iene fertsjinnet likefolle as de oare en dan is it net reedlik dat de iene it smoardrok hat, yn it wurk omkomt, sa't De Jong seit, wylst de oare it folle makliker hat.’
Nimmen antwurde, ik ek net: it wie net ûnwier wat hy sei.
Bouma gyng fierder: ‘Men koe dy mannen fansels in heech stik prestaasjelean jaan, mar dat giet ek oan in grins ta; ja, fansels, dêr komt no ek in oare regeling foar. Mar dat jout ek neat, men kin net hurder as hurd. Dy mannen moatte der ien, leafst twa by ha. By ús kin wol ien mist wurde - wy kinne it teminsten probearje. Ik sis net dat jimme temin dienen. Unsin, jim kinne net hurder as de masine, mar as alles normaal rûn, dan hienen jimme it net sa slim bannich, teminsten de man by de etiketten net. Wat sizze jo derfan, Sybesma?’
‘Sybesma woe de sjef wol om 'e hals fleane!’ blafte ik, om him foar te wêzen. Wy hienen it net bannich, nee, en dat ik mâl waard fan de masine, dat telde net!
‘Ja, hark ris,’ sei Sybesma, ‘ik wie strak wat nidich, ik mei dy kearel net lije, no en doe liet ik my dat ûntfalle, mar oars. Ik bin it net hielendal mei Bouma iens dat wy trijeresom maklik itselde fersette kinne as oars.’
| |
| |
‘Dat haw ik ek net sein, mar it is te probearjen.’
‘No goed, ik foar my wit wol seker dat wy poatoan moatte, mar dêr stiet dan foaroer dat wy ekstra lean krije, swart lean ûnder ús sein. Dat soe noch regele wurde, sei er, no?’
‘Krekt,’ knikte Bouma tsjin my, ‘dat moatte jo net weipoetse!’
‘Ja,’ rôp ik lûd, ‘dat sil prachtich regele wurde: twee halen, drie betalen! En hoe sille de hearen dat regelje? Op in wetlik tastiene wize. Asjeblyft: it lean mei net heger as sa, prestaasjelean idem-dito. It prestaasjelean sil skielk betelle wurde yn de foarm fan fermindering fan de skuld op it t.f.-tastel dat jimme krije (jìmme sei ik mei klam), mar dêr bliuwt de saak yn wêzen gelyk om. Wat dêrboppe komt is swart lean, lykas Sybesma it terjochte neamt. En no wolle de bazen fan swart lean wyt meitsje. Dat kin net, sis ik jim. Tochten jim dat dy leanen net kontrolearre waarden? As it lean plus de t.f. wetlik tastien is, dan krije wy hielendal neat ekstra!’
‘Dat kinne jo noait neigean.’
‘Jawol, ik nim gjin t.f., ik krij dus myn lean mei it prestaasjelean lykas fanâlds, mar fierder neat mear.’
‘No nee.’
‘Krekt. Neat.’
‘Mar as jo gjin t.f. ha wolle, dan moatte jo dat sels witte, se kinne foar jo apart gjin regeling treffe.’
‘Jimme krije ek neat mear,’ sei ik. ‘Wa seit dat dy dingen seishûndert gûne koste ha? Dat meitsje se jimme wiis, ja. Miskien ha se de helt minder koste. Skielk hawwe jimme in tasteltsje yn 'e hûs dêr't jimme, lit ús sizze, fjouwerhûndert gûne foar stean litte moatten hawwe. De oerbliuwende twahûndert swart fertsjinne, tinke jimme. Ja, mar allinne op papier!’ Ik lake lûd.
Ien fan de manlju stoarre omheech: ‘As er ris gelyk hie.
| |
| |
Hy kin gelyk hawwe.’
‘Eh wat, ik leau net dat se ús bedonderje, dat wol my net oan.’
‘Nee,’ sei ik, ‘neat wol jim oan. Se skowe it jim mei de leppel yn en jimme slokke wol. Sels nei it ûngemak fan Fan der Mear binne jimme neat wizer wurden. Jimme moasten de boel derhinne soale!’
‘Ah, wêr hast it oer, ju. En wat hat Fan der Mear dermeiút te stean?’
‘Alles,’ sei ik. ‘Fan der Mear syn saneamd ûngemak hat der alles mei te meitsjen.’ Ik gyng oerein en rûn fuort.
‘Wat silste?’ rôp ien, ‘'t is noch gjin tiid.’
Ik andere net, mar rûn hastich nei de toiletten om't ik ynienen in bulte focht yn 'e mûle krych, krekt of moast ik spuie. Ik sleat my yn in húske op en stie krûmbûgd oer de pôt. Der kaam neat, it sakke wêr wei. Ik begûn mei sin te kokhalzjen, stiek de finger yn it kielsgat, mar it joech neat. Ik hie it my ferbylde of it wie noch net ryp. Ik spielde de mûle út en hanwosk. It wie noch net earlik tiid, mar ik hie gjin nocht om wer nei harren ta. Ik stiek in farske sigaret oan en wachte oant de kofjepauze om wie. Hja stienen op my te wachtsjen doe't ik de seal wer yn kaam.
‘Wat moast sa hurd?’
‘Ik waard sa beroerd.’
‘Hast spuid?’
‘In bytsje.’
Yndied hie ik in gefoel oft ik spuid hie. Myn lilkens hie ik derút jage, en no fielde ik my leech en slop. Ik hie fan my ôfslein, fûlder as ea. Ik hie tsjin harren praat, better as ik fan mysels ferwachte hie. Mar it hie neat jûn, hja woenen net wekkerskodde wurde, hja oanfurdigen alles yn berêsting. Ik stie allinne. Allinne tsjinoer it fabryk, en dus ek tsjinoer harren. Dat witten helle op 'e nij alle wanhope oer my. Wat moast ik begjinne: kieze of partsje stie oer
| |
| |
myn wei. De bom wie reemakke en steld op moandeitemiddei twa oere. Ik moast him nimme en dêrmei myn lot yn eigen hannen. Och God, ik wie sa beroerd, ik koe wol moartsje en flokke. De masine rattele troch alles hinne, men soe him fergrieme. Ik flybke lofts en rjochts op 'e grûn en skopte in doas de wrâld oer.
Sybesma kaam by my: ‘Do moatst net sa mâl, jong.’
‘Ferdomme, ik kin de boel wol spuie!’
‘Hast rottichheid thús?’
‘Thús?’ sei ik, ‘thús net, mar hjirre. Ik ha balen. Der koe om my in bom op 'e rotsoai falle.’
In bom! In bom! Mar dy foel net samar út de loft, ik moast him smite, ikke.
‘Ik haw pineholle,’ sei ik tsjin Sybesma, ‘ik fergean fan pineholle. Sadwaande.’
In goeie kearel, dy Sybesma, in bêste maat dy't sûnder wurden in hantaast foar jin die, mar as 't knypte dochs in fijân. Hy mei syn telefyzje, in ferlingstik fan it fabryk, hy moast ferneatige wurde. Hy net? Dan ik! Under dit needlot waard ik wer lytsman.
Om twa oere, doe't ús taak derop siet, gyng ik nei de kantine, want ik moast ynkeapen dwaan yn 'e stêd en woe dêrom earst in hapke ite. Der wienen net folle. Inkelden dy't lykas ik gjin haast hienen, of dy't toarstich wienen, want it wie prachtich waar, de sinne stie lôgjend oan de himel. Ik siet allinne oan in tafel en kôge myn iten. Ut it keppeltsje oan de bar makke him ien los en plofte in tafel foar my op in stoel del. It wie Geartsma. As er... mar hy hie my al sjoen.
‘Hea, jo hjir ek noch?’
Ik knikte, seach by him lâns.
‘Dochs begryp ik it net,’ rôp er, hy rôp, om't er in ein fan my of siet, mar sadwaande koe elk him ferstean, ‘wêrom wolle jo gjin t.f. ha?’
| |
| |
‘Ik hâld der net fan.’
‘Mar elkenien nimt it. Elkenien, no?’
‘Ja’, raasden se by de bar, ‘jawis. Allegear. Wa net?’
‘Hy dêr, hy net.’
Sân, acht hollen draaiden har nei my ta. Ik proppe de lêste koarste bôle yn 'e mûle en treau de pûde yn 'e bûse.
‘Hy net? Wêrom net? Wêrom jo net?’
Hja kamen stadichoan op my ta: ‘Wêrom wolle jo net?’
Ik gyng oerein: ‘Ik wol it net en dêrmei út.’
Ik draaide my om en rûn hastich nei de treppen.
‘Wêrom hy net?’ raasden se, wylst ik de treppen ôf draafde. Ik botste tsjin ien oan, dy't my beetpakte.
‘Lit los,’ skreaude ik, ‘los!’
Ik sprong de lêste trep ôf, ferstûke myn foet en fleach it terrein ôf, oer de brêge en de stêd yn.
|
|