| |
| |
| |
De gemeente verleent vlotte medewerking bij het verkrijgen van een woning
Doe't ik it fabryksterrein oprinne soe, moast ik útwike foar in bestelwein. Ik stapte fansiden. Ferhip, it wie gjin bestelwein, mar in ambulânse-auto. Der lei ien yn, ik koe net sjen wa't it wie. By de lorry stienen Sybesma en noch in pear fan ús ploech. Ik gyng op harren ta, mar ik hoegde neat te freegjen.
‘Fan der Mear,’ sei ien.
‘Wat is der mei him?’
‘Fan de trep fallen.’
‘Jakkes. Net sa bêst. Wat stikken?’
‘Dat sil 't wol.’
‘Ha jo him sjoen?’ frege Sybesma.
‘Ik kaam út de stalling wei doe't se him foarbysjouden. Bloed oan 'e kop. Bûten westen fansels, hen.’
Wy strûpten de overal oan en gyngen nei de masine. De manlju dêre wisten net folle mear as wy. It moast likernôch in healoere lyn bard wêze, mar hoe en wat, nee. Hy soe wol útgliden wêze. Wat te hastich by de trep del, tink. Gyng er by de trep del? No ja, miskien der ek wol by op.
Fan der Mear, hy soe ommers fuort, en no sa. Ik seach oer de masine nei de draaitrep. It ding wie in fjirdel meter heech, as er hielendal fan boppen kommen wie, koed er ek wol dea wêze. Miskien wied er ûndertusken al stoarn. Ik besocht my foar te stellen hoe't it om en ta gien wie. Faaks hied er it ien of oar nei boppen bringe sillen. Hy sjoude it omheech, wie hast boppe en glied út. Hy joech in skreau, mar hy hie him better fêstpakke kinnen. Hy hie it doaske falle litte moatten en de leuning pakke. Mar nee, hoe is men dan. Men kin net mear tinke, men wit net wat
| |
| |
men docht, men pakt mar wat foarhannen is. Krekt as wannear't der brân is. Men tinkt: myn portefeuille, it jild en de papieren. Gau, gau, derút. It baarnt as swevel, alles baarnt plat. Mar lokkich, ik ha de portefeuille meisnipt. En wat hat men yn 'e hân? De krante fan juster! Sa sil it Fan der Mear ek gien wêze, hy tocht: Beethâlde! Oars fal ik. Hy knypte noch fûlder. Mar ta syn ferwûndering, dy't hommels oersloech yn eangst en ûntsetting, tearde er stadich efteroer. Is de leuning stikken? tocht er. Hy begûn te razen; help my dan, ezels, skreaude it yn him, de leuning is stikken, se hawwe de boel hjir ferruostkje litten. De hakke fan de klomp bleau even heakjen, skeat doe los. Hy sweve op 'e kop, de hannen omheech. En wylst er mei de harsens tsjin sa'n frekte izeren trieme sloech, seach er nei boppen en ûntdiek dat er net in stik leuning yn 'e hân hie, mar in buordpapieren doaske. Dat wie nammers de lêste tins dy't troch him hinne flitste. De klap op syn efterholle wie fûlgenôch oankommen. Mar hy wie noch net ûnder, hy koe noch moai in kear oer de kop. Hjir en dêr in pear opmiters, it komt in deabaarch op in stek net oan. Sjesa, en no in heale slach om syn lingte-as draaie en gliidzje litte, de holle earst mar. Dêr leit er, de nekke en de skouders op de flier, de skonken op de trep. Komt it doaske hast mei Fan der Mear? tinke se boppe.
Doe't Bouma by ús kaam te notearjen, fregen wy him oft hy mear fan it gefal wist. Hy hie der noch neat fan heard.
‘Fan der Mear? Dat kin net, dy is ferline wike opholden.’
‘Wy hawwe it foar wier heard,’ seinen wy.
Hy soe syn ljocht wolris opstekke.
Even letter kaam er werom. ‘Jim ha gelyk,’ sei er, ‘it wie Fan der Mear. Hy is fan de trep ôffallen.’
‘Dus hy werkt hjir noch al.’
| |
| |
‘Nee,’ sei Bouma, ‘hy soe hjoed ophâlde, it wie fan 'e moarn syn lêste skoft.’
Dat moast dan wol stomme mâl treffe, it wie hast tè tafallich. Soed er him in steal yn 'e kraach sûpt ha, om't it syn lêste dei wie? Mar nee, foarsafier't ik him koe, wie it in te evenredich man om him tebûten te gean oan drank. Net gau út 'e ploai wied er, wat stadich, mar wis. Winliken wie hy hielendal gjin type om fan de trep te fallen. Geartsma, dêr soe men it earder fan ferwachtsje, en earlik sein, mysels soe it ek oerkomme kinne, ik hie wolris faker brike ûngemakken hân. Fan der Mear, nee. Ik koe der net by, en begûn der jitris oer tsjin Sybesma.
‘In ûngelok sit op in lyts hoekje,’ ornearre dy. ‘Te hoopjen, dat it wat tafalt. Net sa'n moai boadskip om oer te bringen.’
Yndied net. Ien fan de bazen soe wol nei Berltsum gien wêze. In pear jonkjes wize him it hûs.
‘Binne jo mefrou Fan der Mear?’
It minske sjocht dat de man sjocht dat hja in kapotte skelk foar hat en swarte breidene sokken oer de hoazzen.
‘Ik woe graach even mei jo prate.’
‘No, ja, dan moat mynhear... Wat wol mynhear yn 'e goedichheid?’
‘Jo man (is potferdomme fan de trep soadeklettere) ehem... hat in ûngemakje - nee, it falt - nee, nee, sà slim is it net. Yn it sikehûs. Jo moatte rêstich bliuwe, mefrou, it falt allegear...’ Hy swamt noch wat en winsket har sterkte.
Wat steane de fruchten moai, tinkt er, as er werom riidt nei it fabryk. It komt wol aardich út, tinkt er ek noch, Fan der Mear soe hjoed dochs ophâlde. It wurk rint teminsten net speak. Mar al spitich dat er krekt om healwei twaen by de trep delrûgele en net bygelyks om healwei trijen thús, dan hied er syn ûntslachbewiis yn 'e bûse hân. Mar hawar.
| |
| |
Seis oere gyngen wy nei boppen om kofje. Der stie in espeltsje mannen foar it publikaasjeboerd. Wat bysûnders? Fan der Mear, fansels! It wie sa. Der hong in offisjele bekendmakking. Op de direksje rêste de drôve plicht ús mei te dielen, dat ien fan it personiel in slim ûngemak hân hie, tastân tige earnstich. Fierders soenen wy fan dei ta dei op 'e hichte holden wurde.
Under it kofjedrinken ynformearren wy lofts en rjochts nei it hoe en wat fan it ûngefal. Doe kaam de moard út: Fan der Mear hie op 'e siederij stien, flak by it trepsgat. Der wie immen dwaande mei hyt wetter in tsjettel skjin te meitsjen, de slang rûn by it trepsgat lâns. Blykber hie de koppeling net goed fêst sitten, want op in stuit spuite der in straal wetter út wei. Fan der Mear wie kjel fansiden sprongen. Yn it trepsgat. Der hie neat stikken west, tochten de manlju. Hy wie bûten, ja, en hy hie bloed om de snút hân. It koe ek wol in bloednoas west ha, dat sei op himsels neat, bloed om it gesicht. 't Soe wol wat tafalle. Ha jo al telefyzje?
Sa ferrûn dat petear. Fan der Mear wie blykber al âld nijs wurden. Ik harke net mear, om't dy hiele telefyzjeboel koe om my opfleane, en ik siet mar stil wat te drinken. Dochs waard ik ta myn spyt yn it petear behelle, sanet, dat wie myn eigen skuld ek mei. Hja fregen my oft ik ek in tastel ha soe, en om't ik brûkel wie om de plat-by-de-grûnske draai dy't it praat nommen hie, liet ik my ûntfalle: ‘Nee, yn der ivichheid net.’
Hie ik mar sein fan: ‘Nee,’ of: ‘Noch net.’ No moast ik argumintearje wêrom't ik it net woe. Ik smiet it mar op de sinteraasje, dat oare soenen se dochs net begripe, en ik hie der gjin ferlet fan om ferlake te wurden.
Yn it algemien wie dat wol in reden, tocht har, mar dit wie in bysûnder gefal, of goedbesjoen twa. Yn 't foarste plak hie ik mar in lytse húshâlding. Hja rekkenen my krekt
| |
| |
foar hoefolle as wy yn 'e wike opbrûkten, hoefolle't wy efterút lizze moasten foar klean en brânje, en wat wy by einsluten noch oerholden. Dat wie noch in aardich somke, tocht har, dat se my fansels wol gunden, wis wol, wêrom soe in arbeider net twa- of trijehûndert gûne yn it jier oerhâlde meie? Mar dan moast ik net kleie dat wy it net betelje koenen. Dan wienen der wol oaren, dy't mear bern hienen, of dy't bern leare lieten. Sokken wienen ek net wiis fansels, altyd skraabjen om 'e hurd en noait in nij pak klean, mar ik, ik koe dwaan en litte wat ik woe. Ik frege my ôf, oft wy yndied safolle oerholden, mar ik hie gjin flater yn har berekkening ûntdekke kinnen en dêrom knikte ik mar.
Dan it twadde punt. It wie, dat moast ik dochs begripe kinne, in hiele bysûndere oanbieding fan it fabryk.
‘Hokker fabryk docht dat no, hen?’ De sprekker stiek syn hannen út, of sette er in tastel op de tafel. Optein seach er de rûnte lâns.
‘Hen?’ sei er jitris. ‘Ik bedoel dit (nimmen hie him azem jûn), it fabryk fertsjinnet der neat oan. Dat hat der allinne mar rompslomp fan. Unkosten. Ja, ûnkosten. Mar hja dogge it om ús te geriven. As it nypt en wedernypt is it fabryk uzes meiinoar, wy steane der meielkoar foar, allegear dogge wy ús bêst. Dat fiele de bazen ek, en dêrom wolle se ús dit ta ha, as tsjinprestaasje, sis mar. Wy dogge ús bêst, en dêrom triuwe sy ús wat ekstra's ta. En dan,’ sei er, en begûn mei klam te praten, ‘ik fyn it yn dat ljocht besjoen net aardich om dizze oanbieding te wegerjen, it is net hoflik, sis mar. Goed, goed, goed, ik wit wol, mar it sit deryn! As men seit: Ik wol gjin telefyzje, dan jout men dêrmei winliken de direksje in klap yn 't gesicht! Oerdreaun? Ja! Mar stel jo sels ris yn 't plak fan de direksje! Men moat in ding altyd fan beide kanten besjen, netwier? En dêr komt noch by, mar dat is winliken al wer in oar
| |
| |
punt, it is net solidêr tsjinoer de oaren. Allegear telefyzje, mar ien net! Dat dogge jo net as maten ûnderinoar. Allegear, of allegear net. Samen uit, samen thuis!’
Hy skode it gat foarút en gyng noflik efteroer hingjen. Der waard in antwurd fan my ferwachte, in werwurd. It wie waansinnich, eigentlik. Wêrom moast ik myn miening tsjinoer sines sette? Hy hie faaks wol gelyk, foar in part of hielendal, mar wêrom soe ik net likegoed gelyk hawwe kinne? Net om't myn miening goed wie, of keunstich argumintearre, mar dea-ienfâldich om't ik bestie. Ut it feit dat ik libbe soe folgje moatte dat ik gelyk hie, sûnder of mei miening, simpel om't ik ek in minske wie. Mar koe ik dat sizze: Jo hawwe gelyk en ik gun jo jo miening, hoewol't it mines net is. Sels haw ik gjin miening, mar ik ferwachtsje dat jo myn gelyk respektearje? Soks sizze, hja soenen oan my begjinne te twiveljen. Nee, sa siet har tinken yninoar: wyt en swart.
‘Wyt!’ roppe hja. ‘No do. Bist wyt?’ ‘Nee.’ ‘Dus swart. Wêrom bist swart?’ ‘Wa hat sein dat ik swart bin?’ ‘Do sels! Do bist net wyt, dus swart. Wêrom bist swart? Wêrom bist swart ast net witst wêromst swart bist?!’
Ik soe antwurdzje moatte. It lêste dat er sein hie, koe ik faaks wjerlizze: ‘Allegear? Wa seit dat de oaren allegear telefyzje ha wolle. Ik bin de iennichste net, Sybesma, De Jong en miskien noch wol mear.’
Sybesma die in haal oan de sigaret: ‘Fersinst dy. Ik krij it al.’
‘Al?’
‘Ja. Ik ha der nochris oer nei tocht, ja.’ Hy stiek de lippen foarút en knikte swierwichtich.
‘En jo dan, De Jong?’
‘Ik wit it noch net,’ sei er ‘it wiif hie der wol sin oan.’
‘Jo ha seis bern, dat mei jo dochs net barre!’
| |
| |
‘Wy sille wat suniger moatte. It wiif hie der wol sin oan.
‘Sjogge jo wol?’ gnyske dy fint.
It bloed fleach my nei de holle. In tafriel út myn bernetiid stie my ynienen helder foar. Ik hie foar ús mem nei de bakker west en kaam mei in heale bôle de buorren del. Op 'e hoeke stienen in stikmannich jonges fan santjin achttjin jier, dy't blykber neat om hannen hienen. Hja pakten myn tas beet, dat ik net fierder koe. Ik loek en loek, mar ien skuorde my de tas út hannen en tilde him heech op. Ik gyng tsjin it finsterbank oan stean en besocht in ûnferskillich gesicht te setten. ‘Lekkere bôle,’ seinen hja en knypten derynom. Ik koe wol gûle, de mûle trille my. ‘Wat is der, leave, kinst jim mem net fine? Moat er lipe?’ Doe wie it oft alle duvels yn my foeren. Ik raamde in klomp út en sloech ien flak foar syn rare harsens, it wie allegear bloed. Hja joegen my de tas oer en lieten my gean.
Ik seach it hunende gesicht foar my en fielde de drift opwâljen: ‘Jim kinne yn 'e stront sakje mei jim telefyzje!’
Wy stienen wer by de masine. It tsjustere bûtendoarren al en dan komt der altyd in wat yntimere sfear. Ynearsten hat it gedroan en gestamp ferskes en sinnen yn jin oproppen, letter op de dei dringt it lawaai net mear sa bot ta jin troch, it tinken wurdt der net mear troch yn beslach nommen, it kapselt him yn binnen in lûddemmende muorre. Myn tinzen sweven frij, en ik hie genôch om oer te prakkesearjen! Foarst it trelit dat him ûnder iten ôfspile hie en dêr't ik it midpunt fan wie. Winliken wie dat foarfal út myn jeugd net einige mei dy klap mei de klomp. Der wie noch gâns in sturt oan kommen. Nei't ik dy jonge slein hie, wie alle lilkens fuort. Ik krige, oarsom, meilijen mei him. Hie ik him te fûl slein? Wêrom hie ik him slein? It wie syn eigen skuld, ferwarde ik my, hja pesten my. Mar moast dat dan fuortendaliks sa mâl? Ik moast der mei im- | |
| |
men oer prate, ik fertelde it ús mem. Hja fûn dat ik my flink holden hie, en dy fint hie syn fertsjinne lean. Mar it wie allegear bloed! Eigen skuld, hy wie ommers folle grutter as dy. Moatst mar fan dy ôfslaan. Ik fûn gjin treast by ús mem. Dy jûns koe ik der net fan sliepe. Hy wie grutter en sterker, goed, mar op dat stuit hie ik de sterkste west, ik hie him oerwûn. Ik prakkesearre deroer oft ik him sizze soe dat it my spiet, mar ik doarst ek net goed. Hja hawwe my noait wer pleage, dat hie ik alteast berikt. Mar it wie in moaie metoade om ta jins doel te kommen! Ik hie net it rjocht ûnbehindere de buorren troch te rinnen, dat hie ik pas nei't ik it befochten hie. Skerp steld: myn rjocht gyng te'n koste fan in oar sines, myn rjocht om frij te wêzen gyng te'n koste fan in oar syn rjocht om my lestich te fallen. De iene libbe de oare yn 'e wei, òf ferlieze moast men, òf oerwinne. Men kin net noch it iene noch it oare. Wat my oanbelange, ik ferlear leaver, as ik dan út twa minne dingen it bêste kieze moast, want it fielen in oar bekronken te hawwen yn syn dwaan en litten wie my ûnfernearber. Soms lykwols kaam der opstân yn my en barste ik los, mar wat joech dat, it hearskersamt woe ik net oanfurdigje, en sels hie ik it measte lêst fan myn útfallen. Ien skrale treast hie ik: hja soenen my fuort net wer lestich falle oer dy telefyzje.
Ik naam ús petear nochris troch en myn tinzen bleauwen heakjen by Fan der Mear. In healoere foar't er it fabryk farwol sei, krige er in ûngemak. It hûs klear en de man dea, hie ien strak gnyske, mar bjusterbaarlik wie it wol. En it ûngefal op himsels wie ek tige bûtenwenstich. In slang flak by it trepsgat, dat kin, dy lei der wol faker. Dat der in man by it trepsgat stiet, sil ek wol mear barre, alhoewol, ornaris bliuwt men net stean as men krekt de foet fan de lêste trieme hat. It kin, mear ek net. In koppeling los, dat hie ik wolris sjoen, doe't de brânwar ris oan
| |
| |
't proefblussen wie en wy der as jonges by stienen. Wat hienen wy gniisd. Op it fabryk wie soks by myn witten nea foarkommen, mar men moast dus ynskikke dat it mooglik wie. Fierders wie it ek besteanber dat Fan der Mear nei boppen gien wie, gean moatten hie. Wêrom mocht joast witte, mar der hoegde neat efter te stykjen, it koe. Dat hy nei boppen gyng wylst er oer in healoere it fabryk ferlitte soe, dat aspekt makke it gefal noch net fertocht. It koe allegear, it iene likegoed as it oare. Mar de kombinaasje fan dit allegear, dat men neame moast ‘in nuver ûngemak’ of ‘in needlottige gearrin fan omstandichheden’, dêr trape ik net yn. Alles meiinoar besjoen kòè it net. De iene of oare moast dizze fal foar Fan der Mear opset hawwe. De iene of oare? Ik wist wol seker wa: it fabryk. Fansels hie de man dy't de tank skjinmakke skuld, hy hie de slang net goedernôch yninoar set en hy soe wierskynlik wol in rabbelemintsje krije fan de sjef. Mar de man hie it fansels net mei opsetsin dien - alteast net bewust, opset wie 't wol. De geast fan it fabryk moast him beynfloede hawwe, sadat er in flater begyng. Dyselde kweageast hie Fan der Mear nei boppen lokke. De muorren hienen earen, de finsters eagen, de masines harsens. It fabryk seach foar ús, tocht foar ús, oardiele foar ús. It stjoerde ús hannen ta dieden dêr't wy út ússels net ta komme soenen.
Ik hie ris in ferhaal lêzen oer in ferflokt hûs. It wie in gruteftich hearehûs, dat in ryk man sette litten hie. Doe't hja der in pear jier yn wenne hienen, fermoarde de man syn frou. Hy siet syn straf út en kaam as in brutsen minske werom yn it hûs, dat no troch syn âldste soan bewenne waard. De soan behannele syn heit tige, hoewol't hy de moardner fan syn mem wie. Alles wie ferjûn. Op in dei state de soan syn heit sûnder reden in mes yn it hert. Foar de rjochtbank ferklearre er dat ien him fan efteren oan- | |
| |
treaun hie. Mar dat wie ûnmooglik, hja hienen mar tegearre yn de keamer west. It hûs stie in fiif seis jier leech, de famylje woe it net oan frjemd ferhiere en eigen skytskoarre dertsjinoan om it te bewenjen. In fierôf famyljelid, in man fan in tritich jier, gniisde lykwols om syn byleauwige sibben. Mei wiif en bern ferhuze hy nei it spoekhûs. Op in iere moarntyd waard er wekker en wynde mar om yn it bêd, dat hy makke syn frou ek wekker. ‘Ik ha sa rottich dreamd,’ sei er, ‘ik kin der net mear fan sliepe. Ik dreamde dat ik wie lilk op ús Beitske en ik sloech har mei de holle tsjin de muorre oan, it bloed spatte witwêr.’ Syn frou kaam op de earmtakken oerein en seach him mei grutte eangsteagen oan. ‘Bloed!’ skreaude hja, ‘do hast bloed oan dyn pyjama!’ Hja fleach nei de bernekeamer. It famke lei oer de flier, op it nije behang sieten har harsens. Dêrnei bleau it hûs leech, foargoed. De ruten waaiden derút, de doarren ferlearen alle ferve. De swellen nestelen yn de keamers en op solder, mûzen en rotten hienen der in lustoard. In reinige sneintejûn swalke in jong pearke troch de tún fan it hearehûs, dat in grutte wyldernis wie en dêr't men ûnbehindere frije koe. Mei't it gers lykwols wiet wie, besleaten hja yn it hûs te krûpen. Hja waden in doar út de knieren en fûnen op 'e taast wei de efterkeamer. Jas en mantel kamen oer de flier en hja boarten. Op it hichtepunt fan de ekstaze kniep er har fine famkehals ticht. Doe't er besefte wat er dien hie, snijde er him de polsieren stikken mei in glêsskerf.
It fabryk, ferflokt wie it. Om't it lilk wie dat Fan der Mear oan syn klauwen ûntsnapte, hie it besocht him dea te meitsjen. It woe syn proai net wer loslitte. In mûnster wie it... en ik wie by in mûnster yn 't wurk. Mar ik woe net mandelich wêze oan Fan der Mear syn dea.
‘Solidêr stean,’ hie dy kearel sein. Solidêr mei dat kring fan in fabryk! Yndied, de oaren wienen dat, hja
| |
| |
woenen de skuld oan Fan der Mear syn ûngefal wol op har nimme. Allegear meiinoar, dan draacht it licht, dat fernimt men net iens. As ien wat ferkeards docht, dan is dat ferkeard, mar as achthûndert ferkeard dogge, neamt men dat net mear ferkeard; de wet jildt foar de inkeling, net foar de massa. Alhoewol, hja hienen har in bytsje ûnwis field en hastich oer it ûnderwerp hinne praat... ‘'t Sil wol wat tafalle. Ha jo al telefyzje?’ Hja besochten it fielen fan skuld te ferkringen, hja hìènen it dus. Dat wie it bewiis dat hja noch net hielendal ien en mien mei it fabryk wurden wienen. Noch wienen hja slachtoffers, mar hja wienen hurd op wei om helpers te wurden. Ik moast har de wierheid fertelle, har wize op it gefaar dêr't hja har yn befûnen. Ophâlde, moast ik har hite, allegear ûntslach nimme. Lykwols, hja soenen my finaal oer de kop prate en nei har foarholle wize. It soe my net slagje har oer te heljen. Ik koe noch better it fabryk opblaze, dat wie de koartste klap. Lykwols ik?...
Om tsien oere stode ik noch hurd even nei it publikaasjeboerd. It bulletin wie jit net fernijd.
|
|