| |
| |
| |
As ik oan myn bernejierren
Oan dat golle boartsjen tink
Ik wie nei boppen gien om't ik in boek sykje woe. Ik moast út 'e tiid dat ik gyng te learen, noch guon hawwe. Doe't ik sa hommels fan 'e stúdzje ôfrekke, hat ús mem al myn boeken yn in doas treaun, en ik haw der selden wer nei taald. It moast in buordpapieren doas wêze, dêr't tabak yn sitten hie, mar ik koe him net fine. Wol fûn ik in doas mei oantinkens út myn bernejierren. Der siet fan alles yn dy doas. In protsje ansichtkaarten, troch in elastykje byinoar holden. Lusifersmerken. In skrift mei sigare-bantsjes. Dêr sieten hiele moaie yn, Flor Fine de Luxe stie derop. Ik hie dat altyd sa'n moaie namme fûn en ik hie ek in hiele soad fan sokke bantsjes. Us heit smookte dat merk nea, mar ik krige se fan buorman en ruile se oan mei maten. Ienris haw ik sa'n bantsje op 'e strjitte fûn. Ik wie der och sa wiis mei, mar ús mem wie prot doe't ik dermeioan troaien kaam. Hja sei dat it fiis wie en hat it bantsje weidien. Ik haw der bot om gûld, net allinne dy deis, mar ek letter faak: as ik fertriet hie, moast ik altyd oan it bantsje tinke dat ik hawwe kinnen hie, mar dat no foar jimmer ûnberikber bleau. Ik blêde it skrift troch. It hie in djoer besit west doedestiids, en no soe ik der noch net graach ôfstân fan dwaan wolle.
In doaske mei postsegels. In doaske mei lytse eintsjes fetkryt. In blau skrift mei opstellen. Ik sloech it iepen. ‘Utfanhûs’, ‘It skoallefeest’, ‘Brief’. Dy brief hie hiel wat fuotten yn 'e ierde hân. Oars krigen wy altyd in ûnderwerp op of mochten wy sels witte wêr't wy oer skriuwe woenen, mar op in kear hie master sein dat wy in brief skriuwe moasten oan ús maat of freondin dy't yn 't sikehûs lei, en
| |
| |
dat wy fertelle moasten hoe't it hjir gyng en freegje hoe't it dêr wie. Utsoarte hienen wy dat net kinnen. Gjinien fan ús hie in maat dy't siik wie, en sa al, dan skreauwen jo him noch gjin brief. Master sei dat it dochs moast, dan dienen wy mar krekt of lei de jonge dy't neist ús siet yn it sikehûs. Doe wienen wy dan mar útein set. Nimmen hie der folle fan makke, ien, op 'en heechsten twa bledsiden, fierder kamen wy net, en wat deryn stie, hie ek noch it measte net om 'e hakken. It woe my ek net slagje, al hoe't ik myn bêst die. Opstellen wie myn moaiste. Ik skreau altyd oan ien tried wei troch en hoegde noait wat te betinken, it kaam samar op my ta. Hiele lange ferhalen hie ik soms en faak mocht ik se foar de klas foarlêze. Dat die ik graach; hoewol't ik net fan it skrift opsjen doarst, fielde ik my o sa, as ik njonken masters taffeltsje stie te lêzen. Ik wit net oft de oaren it my misgunden, nei alle gedachten al; se hawwe my ris o sa pleage mei in opstel en nei dy kears woe ik noait wer foar de klas stean te lêzen.
Ik hie in ferhaal skreaun oer it fiskjen. Ik fertelde dat ik mei in buorjonge nei de brêge west hie. Ik hie in krûmeltsje bôle oan 'e hoek dien en ynlein. Wy fisken op wytfisk. It wetter wie helder en ik hie in koarte sink, dat sadwaande koe ik, as ik plat op it liif op de brêge lei, it wite stikje bôle hingjen sjen. Der boarten in stikmannich fiskjes by om. Hja treauwen mei de bek tsjin de bôle oan, dat it hinne en wer toutere, mar hja hapten net ta. Ik prakkesearre der al oer om de sink langer te meitsjen en it mei in wjirm te probearjen, doe't in hiel lyts fiskje, amper grutter as in toarnder, tabiet en útnaaie woe. Ik helle net op, mar bleau op de brêge lizzen en seach, hoe't it lytse fiskje yn 'e rûnte swom as in geit oan it tsjoar. De oare fisken dy't yn it wetter djoeiden, spatten fuort. It fiskje kaam boppe, doek dan wer, en swom in hanbree ûnder wetter om de koark hinne, dy't net nei ûnderen lutsen waard, safolle macht hie
| |
| |
de snotterpoask net. Doe - myn hert bûnze fûl tsjin de houten planken fan de brêge - kaam der in grutte fisk oanskowen fan wol twa klam lang, it like wol in snoekbears. Hy stie stil, seach mei syn bolle eagen nei it gedoch foar him en glied mei in flugge klap fan syn sturt op it wytfiskje ta, dat er maklik begapje koe en nei binnen hapte. Of hapte winliken net, hy skode syn iepene bek gewoan om it lytse bistke hinne, earst de sturt, doe de bealch en de kop. It wie wei, hielendal. Mar ik skeat oerein en pakte myn angel. No hie ik wat prachtichs, in snoekbears! Ik fiske op wytfisk en fong in snoekbears! Wat soenen myn maten wol sizze en heit en mem! Ik loek oan. Mar te fûl. It fiskje wie noch net trochslokt, it siet noch yn 't kielsgat en doe't ik oanloek, wipte it wer ta de bek fan de grutte fisk út. De snoekbears seach even ferbouwereare en smearde him. In ûngelok komt selden allinne: ik skuorde de bek fan de poask stikken en hy foel werom yn 't wetter en joech him ek ôf. Neat hie ik, hielendal neat. Oars net as in ferhaal dat ik fertelle koe.
Doe't it út wie, sei master: ‘No, dat gyng wol frjemd om en ta, net? Do kinst wol snoekfisker wurde.’
Mar in stim út de klas rôp: ‘Ik leau der neat fan!’
En in oaren: ‘Hy liicht it allegear!’
Master bêde it del, mar nei skoaltyd begûnen hja te pesten. ‘Liichbek!’ rôpen se. ‘Snoekfisker!’
‘It is wier,’ sei ik, ‘it is echt wier!’
Mar hja seinen dat ik in rotsak wie, en gek, en opdonderje moast. Masters popke! Wat kin er moai lêze, net? En hja skolden my út.
Wat hie ik har dien? Wêrom wienen hja lilk? Om't ik hast in snoekbears fongen hie, of om't ik faak foar de klasse lêze mocht? Ik wist it net. Ik fûn it ûnearlik en gemien. Neityd haw ik nea wer myn opstellen foarlêzen.
Ik blêde it skrift troch en fûn it opstel, fiif en in heale
| |
| |
side lang. Ik hie der in sân op krigen, dat wie sawat it heechste dat master joech, inkeld ris in acht, mar dan mochten der net tefolle fouten yn sitte. Ik lies hjir en dêr in hap en in snap en krych de reaksjes fan de klas wer dúdlik foar my. Wêrom hie ik net fertelle meien fan dy snoekbears, wêrom net? Ik hie my dy fraach al sa faak steld, neityd. Ek al hie ik it optocht, wêrom wienen hja dan sa lilk? Elkenien fertelde wolris in sterk ferhaal, wier of net, dat koe neat skele, en dêr waard fierder ek net oer praat. Grutte Marten die soms ferhalen dat jo mei de klompen oan wol fiele koenen dat er it liigde, en nimmen naam der oanstjit oan. As Marten in broedsje fûn hie, leaude elkenien dat, mar hie ik ien aai fûn, dan wie ik in liichbeest en in opskepper.
Mar ik woe graach meiboartsje en sadwaande haw ik letter tsjin de jonge dêr't ik it bêst mei koe, sein, dat it net wier wie fan dy snoekbears.
‘Tochtst dat ik it leaude?’ frege er.
Dat stiek my dochs; ik hie heal en heal ferwachte dat er sizze soe: ‘It hie oars bêst kinnen,’ of sokssawat. Doe't ik nei hûs gyng, woe ik it weromnimme.
‘It wie wol wier,’ sei ik, ‘ik hie echt wier hast in snoekbears fongen. Ik sei it niis samar dat it net wier wie.’
Hy loek syn wynbrauwen op en seach my oan. ‘Do bist gek,’ sei er allinne.
Ik striek it skrift glêd en lei it wer teplak. It wie in kwestje fan al dan net it rjocht ta eat hawwen. Ik hie it net, ik wie berne sûnder rjocht op wat. De oaren hienen it. Elkenien koe bygelyks tachtich sintimeter heech springe. Ek de jonges dy't lytser wienen as ik. Jawis, se wienen der mei sechstich of fiif en sechstich al ôf, mar nei trije dagen wist gjinien dat mear, dan wie it har allegear skjin fergetten. Allinne ik wist it noch sekuer, ik hie presys ûntholden hokker jonges der earst ôf wienen, in pear by 55, by 60,
| |
| |
by 65, in hiele soad by 70, dan wienen der mar inkele mear oer. Mar as ik dat sei, stompten hja my fuort. Ik liigde it, seinen se. Ik moast mar op mysels passe. Elkenien sprong tachtich. Mar ikke net. En dochs, ik hie tachtich sprongen! Wat joech it, al sprong ik in meter, of tsien meter, ik hie it rjocht net om likeheech te springen as de oaren, dus wie it net sa.
Soks ferjit men, as men âlder wurdt, en men tinkt dat it foarby is, in neare jeugddream. Men komt by oare minsken, yn oar wurk. En dan ynienen is it der wer: de rjochtleazens, de ûnwissens. Dochs soe ik ienkear myn rjocht opeaskje moatte, ik moast it, ik fielde wat langer wat mear dat ik op dy dei tagyng. Allinne: hoe?
Ienris haw ik in mosk deamakke. Net omdat ik it moai fûn, mar om mysels te bewizen dat ik it doarst en dat ik it rjocht hie om te deadzjen. Ik hie it bist fongen yn in flap. Fan trije stiennen hie ik in hokje boud en de fjirde side waard sletten troch in skeefsteande stien, skoarre troch in prikje dêr't ik in toutsje oan bûn hie. Bôlekrûmels deromhinne en deryn. Der kamen al rillegau in stikmannich nijsgjirrige mosken. Hja pikten de krûmels op en sieten brutaalwei op de skeane stien. Op in stuit hipte der in mosk yn it hokje. Ik loek fuort oan. Rûtsdy, fleagen alle mosken yn de parrebeam. Ik gyng op de knibbels lizzen en hearde it bistke bewegen. Doe haw ik op de stien wâde, wâde. It waard stil. Ik tilde de stien op: der lei in moskje mei stramme poatsjes, dea. Ik bin op solder flein en haw gûld, gûld. In mosk hie ik fermoarde. En wêrom? En wat hie it jûn? Ik wie gjin moardner, gjin goeien. Ik hie om de deade mosk gnize moatten, him ûnder de hage skoppe of him by in poat pakke en nei de kat ta smite. Sa soe in oar dien hawwe, en gjinien hie it slim fûn. As men ien deaslacht mei it gewoanste gesicht fan de wrâld, dan nimt nimmen dêr oanstjit oan, dan is dat normaal. Mar as
| |
| |
men spyt hat, as men twivelet oft men wol goed dien hat, dan begjinne de oaren ek te twiveljen, en men wurdt feroardiele om't men jin sels feroardiele hat. Soms bin ik bang dat ik it net folhâlde kin, wannear't ik my ienris baas meitsje. Sil ik hoekhâlde kinne as hja my myn rjocht ûntstride, kin ik oer liken gean?
Dêr lei myn âld blokfluit ek noch. Ik hie it ding ris krigen op in jierdei. Ik hie der al withoelang om seurd en doe hie ús heit ien meinommen út de stêd. It wie mar in ûnnoazel blikken ding, giel en swart opferve. It wie my noait slagge der in echt ferske op te fluitsjen, hoewol't ik yn 't begjin dei oan dei siet te blazen. Al rillegau hie ik lykwols myn nocht derôf en it ding bedarre nei boppen. As ik letter wat nijs ha woe, brocht ús mem altiten de blokfluit op it aljemint: En dan giet it wer krekt as mei de fluite, tink (ús mem sei altyd fluite). Earst himel en ierde bewege om ien te krijen, en dan hast him, en dêr leit er no. Skoandere sinten! Ik koe der min oer dat ús mem sa útfoer, en it wie ek net nedich, ik pakte út mysels al genôch mei it smoarge ding om. Dêr lei er! Ik burch him op, mar ik koe net op solder komme om it ien of oar te sykjen tusken myn boartersguod of ik stuite wer op de fluit. Hy begûn my te efterfolgjen. Ik prakkesearre de gânske dei oer it ding: safolle sinten, wei, fergees. Doe bin ik wer begûn te spyljen, as it reinich waar wie en ik der net út koe. Op solder siet ik, op in kiste, yn it healtsjuster, wylst it wetter mankelyk op it dakfinster tikke. En dan fluite ik. Ik spile fan de rein en fan it tsjuster en fan myn iensumheid. It wie de straf dêr't ik my ta feroardiele hie. De fluit moast syn jild opbringe, der moast dus op spile wurde. Ik besocht te berekkenjen hoelang't ik spylje moast foar't it jild derôf brûkt wie. In jier, of twa jier? Of moast ik it yn oeren berekkenje? 100 oeren? Ik wist net hoe djoer de fluit west hie en dat lei ek gjin gewicht yn 'e skeal, in gûne of in tsientsje, dat makke
| |
| |
neat út, de toan wêrop 't ús mem sei fan skoandere sinten, dat fertsjintwurdige foar myn gefoel in ûnwittend grut kaptaal. Jild dêr't ús heit foar arbeidzje moatten hie en dat mem sa skoan brûke koe. Ik mòàst spylje, ik moast him ôfbetelje. Ik spile op de skimerige solder, ik spile my siik, ik waard wee en beroerd. Mar ik hie ien treast: de hope dat ús mem ienris by my komme soe en sizze: No hast der genôch op spile, hy hat syn jild opbrocht.
Ik bin der noait ta kommen it ding wei te dwaan, likemin as myn oar boartersguod. Doe't wy trouden haw ik it meinommen, hoewol't myn frou sei dat wy de bern better nij guod jaan koenen as it safier kaam. Dêr hie hja gelyk oan. Ik soe it nammers net iens ferneare kinne dat de famkes mei myn spul boarten, mar ik woe it hâlde, bewarje as oantinken. Mear noch as oantinken, ik koe der net sûnder, it wienen de skeakels fan myn libbenskeatling. As ik se misse moast? As der ris brân kaam en alles ferbaarnde? Ik soe mysels net mear wêze, mar in oar. Ik woe it by my hâlde, de fluit likegoed as de printeboeken. Hja bûnen my oan it libben. As ik myn ferline misse moast en balansearje op de smelle basis fan it hjoed? Moarn bin ik bang fan en nije wike is in mûnster.
Myn laai siet in skuor yn en it ramtsje wie ek stikken. Ik hie him fan master krigen doe't ik him holpen hie om de kasten op te rêden. Dy kasten stienen yn it sydkeammerke. De doar fan dat keammerke wie altyd op slot. Soms gyng master derhinne om in muorreplaat op te heljen. Hy hie frege wa't him helpe woenen, de earste deis fan de fakânsje. Nimmen hie der nocht oan. Ik wol, ik hie altyd al sa minlike graach ris yn dat keammerke sjen wollen, mar om't gjinien de finger opstiek, doarst ik ek net. Master sei, as wy dan by it oprêden in moai boekje of sa fûnen, dan mochten wy dat hâlde. Doe gyngen der twa fingers omheech, fan in jonge en in fanke, en fuortenda
| |
| |
liks mines ek. Ut skoalle wei seinen de oaren dat wy net wiis wienen. Master soe ús wol ôfpoeierje mei in suterich boekje. Mar ik sei: ‘Wy freegje master earst wat wy krije, en oars geane wy wer nei hûs ta. Wy wolle net fergees.’ Wy moasten in bibleteekboek freegje, seinen hja, dêr wienen moaie by.
Hoewol't ik net te betiid fan hûs gean doarst, wie ik it earst by skoalle. Ik bleau in skoft op de stoepe sitten te wachtsjen. Letter kaam it famke. Ik sei net folle tsjin har, hoewol't ik har graach lije mocht. Hja hie twa flechten mei oan 'e einen in strik, yn 'e regel wite. Hja wie it iennichste famke dat ik aardich fûn. De oaren mocht ik net lije, mar hja wie oars, grut en stil. Hja sei hast noait wat yn 'e klas, se siet net mei de oare fammen te gycheljen. It wie in âld wiif, seinen de jonges. ‘Dach mefrou,’ seinen se, en stieken har de gek oan. Net dat ik har leaf fûn, safier wienen myn tinzen noait kommen, en ik doarst dêr earlik sein ek net oan tinke. It wie my genôch nei har te sjen sa't hja yn de bank siet, grut, stil en wiis.
Wy praten net folle, dêre op it stoepke, mar har selskip wie my oangenaam. Ik wist op dat stuit dat ik eat belibbe dêr't ik letter faak oan werom tinke soe. Master kaam en liet ús yn de gong. Wat wie it frjemd yn skoalle, alles sa skjin en keal, gjin klompen en de fyts fan juffer net. Hol klonken ús stappen en stimmen. Wy gyngen efter de w.c.'s lâns troch it smelle gonkje, by it trepke op en stienen foar de doar fan it keammerke. Master die de doar foar ús op. It wie lytser as ik tocht hie. Der stienen in pear âldmodel banken boppe-opinoar, en in stik of trije stuollen mei stikkene beklings en poaten. Master wie út syn gewoane dwaan; oars wist er altyd presys wat der barre moast, mar no stie er him ôf te freegjen wêr't wy mei begjinne soenen.
‘Wat tinkt jim?’ frege er.
| |
| |
Fansels tochten wy neat, of ja, wy woenen earst de kasten oprêde.
‘Dy âlde rotstuollen der earst mar út,’ sei master. Hy sette de âlde wrakken oer de drompel en wâde se ien foar ien by it trepke del, dat se it gonkje troch skuilden. Doe fielde ik dat it in feestlike dei wurde soe, en ik koe it net litte om it famke har earm beet te pakken, wylst ik flústere: ‘Hy hat in gek sin.’
Hja seach my earnstich oan. ‘Do hast myn earm beet,’ sei hja.
Master en ik klauden de kasten leech. Ik stie boppe op de stellaazje fan banken om de boppeste planke rikke te kinnen en smiet de rommel nei ûnderen, dat it stof stode witwêr. It famke skode mei de foet de rommel op in bult. Doe't wy ien kast leech hienen, woe master it spul skifte. Boekjes by boekjes en skriften by skriften en dan it oare spul ek noch apart. Wy klauden trijeresom yn de bult rommel om. Ien fan ús soe de skriften hawwe, de oare de lês- en rekkenboekjes en master it losse spul, lege kaften, in doas mei guirlandes en lampions, in doas mei papieren letters. Wy skuorden inoar it guod ûnder de hannen wei en hienen amper earmslach. It wie neat wurdich sa, sei master, wy koenen it mar better op de karre smite en opbaarne. It wie dochs allegear rommel. Mar de slingers woenen wy hâlde, en faken siet der noch wol wat moais yn. In boekje ommers, master. No goed, mar dan moast it oars. Master soe it spul allinne skifte: bewarje of weismite. Hy makke steapeltsjes fan it guod dat er hâlde woe. It famke moast dy op de klompebak sette. De rommel wie foar my.
‘Soal it mar yn 'e gong,’ sei er, ‘dan triuwe wy it strak yn in pear sekken.’
Ik rûn al myn bêst om by te bliuwen, want it measte kaam foar my op en ik woe der dochs net in troep fan mei- | |
| |
tsje dêr yn 'e gong. Nee, ik steapele myn spul ek netsjes op, sa goed en sa kwea as it gyng.
‘It hoecht net sa krekt,’ sei master, mar ik andere him net.
Doe't wy folop oan it wurk wienen, kaam de oare jonge. Hy seach earst by my, doe by har. ‘Sil ik har mar helpe?’
‘Ja, goed,’ sei master.
Hy gyng op de hûken foar de klompebak sitten en striek mei de finger by de rigen boekjes lâns. En ik hie it brândrok! Letter helle hy it guod by master wei en lei hja it teplak. It wie ûnmooglik dat ik it tsjin har beiden hâlde koe, mar ik skripte al myn bêst. Ynienen hearde ik him nokkerjen. Ik fielde dat der wat raars barde. Om neat skine te litten, sloech ik wylder yn de rommel om en loerde foarsichtich ûnder myn earm troch. Hy hie har rokje omheech skood en knypte yn har bil. Hja gyng gewoan fierder mei har wurk. Ik draaide my om en siet plat op 't gat nei harren te sjen. Hy loek har rok noch heger en fielde ûnder oan har liif. Wat soe hja dwaan? No? Wat? Wat? It hert sloech my yn 'e kiel. Hja treau syn hân fuort en glimke. Ik begroef my yn de rommel en koe net mear oerein komme. Ik sortearre en fielde en taaste sûnder oerlis en doel. Oant master my rôp: ‘Wêr bliuwste? Dit moat allegear fuort.’
Ik wie bliid dat wy klear wienen en it spul fuortbringe koenen. It kaam yn sekken en doe op de timmerman syn karre. Wy brochten it tegearre nei it jiskelân, stieken de brân deryn en reizgen wer nei it doarp om de karre teplak te bringen. Yn de skoalgong lei ús beleanning te wachtsjen: in skuorde laai en twa âlde lêsboekjes. Nei de fakânsje siet hja wer yn de bank, grut, stil en in bytsje wiis.
Ik pakte myn fluit, dy't yndied in kaptaal wurdich wie, en begûn te spyljen. Mar daalks waard ûnder in doar iepen
| |
| |
dien en kaam myn frou yn 't portaal.
‘Wat dochsto!’
‘Ik fluitsje.’
‘Do makkest de bern wekker.’
Ik lei de fluit del en die de doas ticht.
‘Hast dyn boek al fûn?’
‘Nee, ik haw neat fûn.’
|
|