| |
| |
| |
Telefyzje is sa moai
Men kin fan alles leare
Men kin de hiele wrâld oersjen
En ek noch hollânsk heare
De frou en ik wienen dy jûns nei iten it reedsje even om gien. It waar wie sa myld dat wy der allebeide sin oan krigen hienen om der noch efkes út. It wie mar in loopke fan in healoere, trije kertier, wy koenen de bern wol salang allinne lizze litte. Hast wer thús, kamen wy foarby Sake-en-dy. Hja stienen yn 'e blikke neist it hûs en begûnen in praatsje. Mei't it waar sa't ik sei myld wie, bleauwen wy in skoft by har stean te praten. Syts teminsten. In grutte boarre strúnde op it hiem om mei de sturt yn 'e biezem en begûn my om 'e fuotten te striken. Allinne my. Wêrom wit ik net, ik joech hielendal gjin oanlieding en bemuoide my ynearsten ek net mei it bist. Njonkenlytsen begûn ik him wat oan te heljen en sei fan: Poes-poes. Alde. Bêst bist. Wiest dêr? Hen? Soest ek ris yn it waar sjen? It wie altyd noch makliker om mei in boarre te praten as mei in minske, en dêrom liet ik my troch de knibbels sakje en wijde my alhiel oan it bist. Hy hie in guodlike wite kop en ek oer de bealch siet gâns wyt, mei dertrochhinne griisswarte streken, omtrint as by in sifertse kat. Hy wie net rûch of rûpsk, it hier lei him moai glêd oer it lichem, hielendal net boarre-eftich. Hy stonk ek net, blykber wied er net folle op 'e strún. De grutte guodlike eagen seagen mankelyk, de kop beweegde sleau hinne en wer. As ik him oer de rêch streake, feroare er him amper, allinne as ik oan it krús ta wie, wipte er de kont omheech en dan gyng der in frjemde, krampeftige trilling troch de sturt fan
| |
| |
ûnderen nei boppen en dan krolle it puntsje lykas in wjirm dy't men oan 'e heak skoot. Ik striek him mei de wiisfinger oer de strôt, dêr't er blykber ek wol oer mocht: hy die de eagen ta en liet de flibe út syn bek rinne en op myn hân drippe.
‘Dat kin bêst,’ sei ien, ‘ús Aaltsje kin wol salang by jim oppasse.’
Ik realisearre my, dat hja ús útnoegen op tee. Ik hie it petear wol heard, mar der gjin acht op slein. Ik wie oars leaver wer nei hûs ta gien, mar hawar, wy koenen it no al min wegerje. Ik gyng oerein. Op dat stuit earst skynde Syts de kat op te merken.
‘Wat is 't in grouwen, net,’ sei hja.
‘It is ek in boarre,’ sei ik.
‘Mar dit is wol in hiele grutten.’
‘Ik ha him kastreard,’ fertelde Sake, ‘sadwaande is er begûn te groeien.’
‘Kastreard,’ sei ik. Ik seach om nei it fize sleauwe bist dat de flibe út 'e bek rûn. Sake fertelde myn frou dat se oars sa stonken en sa smoarch wienen. Wy gyngen de gong troch en ik glied hastich it húske yn, net om't ik wat moast, mar ik woe in reden ha om te hanwaskjen.
Doe't ik yn 'e keamer kaam, siet elkenien al te plak. It wie der hiel koel en saaklik, hast in operaasjeseal. Yn 'e hoeke stie in houten bak mei in mat-griis glêzen each: in telefyzjetastel. Wy krigen tee en in koekje, en Sake sette it tastel oan, want it wie by achten, en dan begûn it. Wy moasten it ek mar ris sjen, tocht him. Hja hienen it noch net sa lang, mar as hja witten hienen dat it sa moai wie, hienen hja it al folle earder koft. Hast alle jûnen seagen hja dernei. Hja hienen der ek aparte stuollen foar koft, dan koenen jo sa noflik sitte. Der kamen ek gauris lju by har te sjen, en dat hindere ek neat: oft der no ien nei seach of tsien, dat koste likefolle, netwier?
| |
| |
Op in stuit begûn it each te flikkerjen en waard ljocht. Sake draaide oan de knoppen, oant der in figuer op kaam: ‘it testbyld,’ sei er. Doe't er langernôch oan it tastel ompluze hie, skode er syn stoel der lyk foar, stiek in sigaar oan, en liet him noflik efteroer glide. Ik siet skean fansiden, de telefyzje koe my it measte net skele, mar it soe wat ûnfatsoenlik wêze en sjoch nèt. Der ferskynde in knap fanke, dat sei dat it acht oere wie. Dêrnei krigen wy te sjen wat der rûnom yn 'e wrâld bard wie: oerstreaming, brân, opstân, konferinsjes, tewetterlitten fan in skip, protestmarsen fan negers. Doe't dat foarby wie, fertelde in man dat it moai waar west hie, mar dat wie no op, moarn kaam der in depresje, overdrijvende wolkenvelden, nu en dan lichte regen. Dêrmei wienen wy oan it eigentlike programma ta. Sake syn frou treau ús hastich in flikje en in stik koeke ta - dat koe no noch. Itselde frommeske kundige oan wat der komme soe: ballet. Der ferskynde in rigele fan tsien, tolve fammen, allegear gelyk klaaid. Lange, bleate billen hienen hja, in breed útsteand rokje, de skouders en earms bleat. Tagelyk begûnen hja te dûnsjen, mei nuvere, skaaiende bewegingen fan de earms, likernôch as in ielstrôt dy't omheech wjokket. Hja bleauwen net op ien rigel, mar dûnsen byinoarwei en trochinoarhinne. Lykwols siet der wol systeem yn, hja kamen allegear tagelyk op it plak dêr't hja wêze moasten. Hja dûnsen twa by twa, yn trijedûbele rige, dan wer stienen hja yn in krús of ellips.
Earlik sein fûn ik net folle oan dat gespring, en dêrom betocht ik mar in spultsje. Ik woe ûntdekke hoe't it systeem fan wiksel en nije opstelling yninoar siet. Dêrta moast ik besykje de dûnsjende froulju útinoar te hâlden, en dat wie krekt de swierrichheid. Ik moast my ynspanne om ferskillen te ûntdekken, se wienen der hast net. Gewoanlik hawwe alle minsken wol wat eigens, it hier wat
| |
| |
oars, in skeinflekje, de noas of de mûle kin wat ôfwike; mar hjirre, by dizze tolve dûnseressen, ûntbrieken dy apartichheden. De hierkleur holp my in bytsje, der wienen njoggen dûnkere en trije ljochte. Ik besocht de trije ljochte faninoar te ûnderskieden. Fan foaren wie der hast gjin ferskil, mei't hja allegear in diadeemke yn 't hier hienen. De eagen wienen by allegear nochal grut, en swier omrâne. En profil wienen der ferskillen yn it ferrin fan de noas, mûle en it kin, en de bollens fan de foarholle en de foarm fan it opstutsen hier, mar de mominten dat ik se fansiden seach, duorren mar koart, meast seagen se ús kant út. Net nei ús ta. Der wie wat sweverichs, wat sykjends yn dy eagen, krekt of konsintrearren se har op eat dat der net wie, dat ik alteast net sjen koe. Ik koe ek net sizze dat se nei inòàr seagen. Blykber hienen hja de figueren dy't hja dûnsen sa goed yn 'e holle, dat it net nedich wie op inoarren acht te slaan. Ik joech myn omtinken no oan de lange skonken fan de froulju. Lang wienen se yndied allegear, mar dy yndruk wie faaks ek te witen oan it feit dat se hieltyd op 'e teannen stienen. De fuotten wienen net sa botte froulik, boppe de knibbels wat meager, lykas by fammen fan fjirtjin, fyftjin jier, of as by jonges.
Mar ik waard wurch fan it ynspannend gekoekeloer nei it wrimeljende skerm, en ik joech myn eagen rêst. De twa bylden op myn netfluezen foelen net langer gear, mar skoden justjes útinoar, ik seach alles dûbeld: in dizenich gewirwar en beweech fan lichems en skonken. Ik loek myn blik omheech nei de gerdinen, it behang. Ik seach de keamer oer. Syts siet te sjen, útdrukkingleas, de oare frou ek. Mar Sake! Hy hong, in ûnbidich swier lichem, efteroer yn 'e stoel, de eagen yn 't wiidst iepen, de mûle yn in kier. De oerienkomst mei de flybjende kop fan de boarre dat gjin boarre wie, wie ûnmiskenber. Ik fielde wer deselde walge as niis doe't Sake sei dat er it earme bist kastrearre
| |
| |
hie. Syn hannen, wyt, tsjûk en glei, rêsten op 'e leunings, de fuotten stieken syklik yn grutte brune toffels. Wie dat Sake! Hoe wied er sa feroare? Kaam it fan it skynsel út de telefyzje? Hy siet der ommers alle jûnen foar te sjen, en wierskynlik altyd lykas no, yn syn hiele langte en breedte. Wienen dit deselde strielen as dy't de Dútskers brûkten?
Op dat stuit flikkere it byld helder op, de dûns wie ôfrûn. Yn 'e keamer hearde men trije suchten, en trije lichems waarden yn 'e stoel omheech hyst. Doe't ik dat goed yn my omgean liet, waard ik wee en lilk: it each fan God ljochtet, en yn tûzenen wenkeamers ferskeuke safolle tûzen minsken op de stoel en litte in sucht hearre. Men soe hinnegean en slach dat each fyn en wâdzje dy hiele rotkast yninoar.
‘Moai,’ sei ien.
‘Ja, moai.’
‘Moai, hen?’
‘Ja,’ sei ik.
Hiel it bêste lân fan ierde seit: Moai, hen? Ja, moai!
Der kamen no in man en in frou foar. De frou har gesicht like âlder as dat fan de earsten. De tearen wienen skerp, de foarmen hoekich, de noas stevich en puntich, de mûle as in kerf, mei de beitel makke. Har partner hie grutte, skrille eagen en lang, fetlik hier. Hy wie klaaid yn in glêd festje en in nauwe broek, lykas keatsers en reedriders, dy't strak spande oer syn knibbels en de fûsteftige bult fan syn geslachtsorganen. Hja dûnsen hân yn hân, byinoarlâns, ominoarhinne. Ik hie tocht dat wy in dûnsjende frijerij te sjen krije soenen, mar dêr bleau it fier fan ôf. Hja draaiden en sprongen elk op syn eigen houtsje mar wat rûn. In pear kear tilde er har omheech, wêrom wit ik net. Hja hold ien foet strak en de oare krûm en de hannen lyksa. Hy hold har yn de siden beet. Letter holp hy har nochris. Hja stie op 'e toppen fan har skuon en draaide hieltyd
| |
| |
in slach yn 't rûn. Hy stie efter har en pakte har yn 'e siden beet op it momint dat hja wer mei it gesicht nei ús ta stie. Oft hja der aardichheid oan hienen wie net te sjen. Har gesichten stienen yn fûle spanning, mar it kaam net ta in útbarsting, of ta rêst. Der wie gjin inkele gelikenis tusken dizze minsken en wysels, doe't wy yn ús jonge jierren sneintejûns gyngen te dûnsjen. Soms wie it sa fol, dat wy amper in foet fersette koenen, mar dat wie allegearre neat; wy hienen in fanke beet! Ik seach nei Syts en tocht deroan hoe't ik ris op 'e dûnsflier har heupen befield hie, en letter ek har boarsten, mar dat hie hja net talitten, fanwege it publyk. Op de weromreis nei hûs hienen wy peare yn de sleatswâl.
Myn eagen loeken wer nei it ljochte kastke, in idele skynfertoaning, ien sûnder útsjoch, en dêrom ien om in ôfgriis fan te krijen. Wêrom wienen hja byinoar as hja dochs neat gjin belang yninoar stelden? Moaie leafde, om der mislik fan te wurden! Hy pakte har hân tusken twa fine fingers en slingere har foar him lâns, wylst er sels in sprong de oare kant út die en mei in plof telâne kaam; de skok trille nei yn it nuvere bolfoarmige ding yn syn broek. Hja bûgden nei elkoar en ferdwûnen. De muzyk sakke wei en in stim fernijde ús dat wy no modern ballet te sjen krije soenen. De útbylding fan it ien of oar - ik ferstie net wàt, om't ien tsjin it telefyzjetaffeltsje oan skopte.
Fan wjerskanten kamen fjouwer persoanen op it skerm, fjouwer manlju en fjouwer froulju. De fammen hienen no mear gewoane klean oan, swarte rokjes, truikes en maillots. Dat it gjin hoazzen wienen mar maillots, seach ik letter, doe't de fammen rûndraaiden en de rokjes omheech sirkelen. De manlju wienen yn likernôch itselde habyt, swarte broek en trui. Ien wie derby mei in grize trui. Dat sille se wol mei sin dien hawwe, dat wy dy der better út koenen. Hja dûnsen lykas de earste tolve fammen, mar it
| |
| |
like my ta, dat it allegear wat wylder om en ta gyng. Figueren lykas strak, koe ik net mear ûntdekke. Doe, op in stuit, makken hja in kring en dûnsen om dy mei de grize trui hinne. Hja bleauwen stean, stieken de hannen nei him út en rekten de halzen. Hja rûnen efterinoaroan om him hinne, mei stadige passen, wylst se de skonken heech optilden en selsbewust delsetten. En hja seagen mar nei him. Hja gyngen op in rige stean efter op it toniel en de grize kaam yn aksje. Hy draaide rûntsjes, sprong hinne en wer, makke gebearten nei de sân oaren en ferdwûn mei nuvere hippaskes nei de kant, dêr't er mei de earms oerinoar stean bleau. De sân kamen wer los. Hja stapten nei foaren, makken in kwartslach, en gyngen driigjend, mei útstutsen hannen, op de grize ta. It muzyk begûn lûder te spyljen. Doe't hja oan him ta wienen, kaam der in fûle tromslach. Hja bleauwen stean, de earms sakken del en hja rûnen efterút. It begûn op 'e nij, de hannen foarút, en mei driftige passen op him oan. De grize die twa stappen efterút. Hja bleauwen stean. En nochris oernij, en wer stampfuotsjend op him ta. De grize die noch twa stappen tebek, draaide him om en waard wei. De sân dûnsen yn 'e rûnte. It wie út, de muzyk swijde. Even ferskynde in rare âlde kop mei lang, swart hier en in krûme noas. Hy of hja, it hie dochs it measte fan in âld wiif, begûn ek noch te gnizen, wêrtroch't de tearen yn it gesicht noch djipper waarden.
‘Wol aardich,’ sei ik, want my tocht der moast wat sein wurde. Hja wienen it wol mei my iens.
De juffer sei dat it healwei tsienen wie, en ik die krekt of skrok ik dêrfan, mar ik hie al withoefaak op it horloazje sjoen. Wy moasten dan mar gau nei hûs.
‘Jimme komme der wol út, no?’ sei Sake. Hy seach amper nei ús doe't wy de keamer út gyngen. Der wie al wer wat oars ferskynd en hy woe neat misse.
Yn 'e gong strúnde de kastraat om. Men soe dat bist
| |
| |
winliken út syn lijen helpe moatte, it wie ommers in beskamsum wangedrocht. Krekt in langskonke spin, dy't wy, as lytse jonges, alle acht poaten útloeken en dan lizze lieten. Ik koe der net by, dat Sake soks dwaan kinnen hie. En wat wie der nammers mei himsels te rêden! Hy siet weak en pafferich derhinne as in klompe fleis, syn fel wie bleek en skynde út 'en blauwens. Hy siet mar te sjen, net allinne as der wat te rêden wie, mar ek nei it testbyld en nei de juffer dy't de programma's oankundige en dy't er nei alle gedachten al withoefaak sjoen hie. Hy seach en seach mar, krekt of koe er der net sûnder, of hie syn lichem it nedich om yn stân te bliuwen lykas it sykheljen en it pompen fan it hert.
Wy seinen net folle ûnderweis. Syts hie my stiif beet, sa goed en sa kwea as dat gyng, want wy rûnen nochal hurd. Aaltsje sei, de bern sliepten rêstich en hienen net ferfelend west. Hja gyng nei hûs en wy makken dat wy oan kant kamen. Ik hie ferlet fan Syts, en hja ek fan my, hie ik ûnderweis wol fernommen. Ik klaaide my neaken út en siet op 'e râne fan it bêd op har te wachtsjen.
‘Ik woe, dat ik sa dûnsje koe,’ sei hja, ‘do?’
Ik skodholle.
‘Hielendal op 'e teannen, ik woe dat ik it koe.’ Hja die de skuon út en begûn yn har ûnderjurk te draaien. Mar dy wie fierste nau, hy hong har slop om 'e fuotten.
‘Kinst better striptease,’ ornearre ik.
Hja ûntklaaide har, stapte efterút en rôp: ‘Pak my dan!’
Ik fearre oerein, drukte har op it taffeltsje en besocht oft ik yn har komme koe.
Mar hja woe it leaver op bêd dwaan.
Nei't wy boarte hienen, leinen wy stil op 'e rêch. Ik moat gau yn sliep fallen wêze, ik koe my teminsten de oare moarns net yn 't sin bringe dat ik it ien of oar beprakkesearre hie. Wol haw ik yn 'e neinacht in aaklige dream
| |
| |
hân, of mear dreamen, dat kin ek wol. Ik haw dreamd fan de telefyzje, alteast dat sil der de oanlieding wol ta jûn ha.
Ik dreamde dat Syts en ik op in freeslik grutte, keale flakte wienen. Oeral om ús hinne, safier't wy sjen koenen, wie alles keal, gjin hûs, gjin beam, neat. It hie der alles fan dat oan de hoarizon de ierde omheech rûn, en sûnder ûnderbrekking oergyng yn de loft, likernôch of sieten wy besletten yn in ôfplatte bol. De grûn dêr't wy op rûnen wie gjin sân of modder, mar koarkeftich, it fielde sêft oan en men sakke der justjes yn wei, ja, it sûgde hast in bytsje. De loft boppe ús hie in bleekblauwe kleur, lykas in fersketten blaukile. Wolken wienen der net te bekennen en in sinne seach ik likemin. It wie as sipere it ljocht troch de poreuze flier omheech. Wy rûnen hân yn hân, stadich troch dy keale woastyn en wikselen gjin wurd. Doe - faaks wie dit in nije dream en hie ik nei de foarige in skoft sliept - stienen der ynienen tolve minsken om ús hinne. Hoewol't ik se net telde, wist ik dat se tolvesom wienen. Syts en ik draaiden ús om en om, wy sieten finzen yn in kring fan minsken. Doe wie Syts ferdwûn; ik wie allinne. De minsken feroaren, it waarden swarte fûgels, likernôch guozzen, mar in slach grutter en mei lange keale halzen. Fan en ta stieken hja de koppen nei foaren en staten frjemde lûden út. Ik begûn bang te wurden, alhoewol, hja kamen net fan it plak en koenen my lang net rikke. Dêrnei waarden it manlju mei tin, kleurleas hier, dat har lang en slûk by de holle del hong. Hja droegen grize broeken mei âlderwetske wide boksen. Hja seagen my lyk oan en rôpen allegear trochinoar: ‘Hy moat it bewize. Hy kin it likemin. Doch it dan ris! Hy kin it net. Lit it him ris besykje. Hy moat it mar ris dwaan. Wy wolle it wolris sjen!’ Der stie in frommes foar my, dat seach ik oan de jurk. Hja begûnen wer te roppen: ‘Bewiis it! Nim har! Hy kin it ek net. Toe dan. Doch it dan!’ It frommes stie útdaagjend
| |
| |
foar my, mar tagelyk koel en ôfwizend, heechhertich en wis fan harsels. Ik waard noch banger en koe gjin foet út it stee bringe. ‘Hy kin it net,’ raasden hja. ‘Hy is neat better as wy. Wy sille him ek lobje. Hy hat it fertsjinne. Hy kin it net. Pak him!’ It besette my. Ik draaide om en om, woe fuortrinne, mar hja kearden my. Ik rûn mei swiere passen yn 'e kring om en koe gjin útwei fine. Doe wie ik der dochs bûten en ik besocht út te naaien, wylst hja as bokken efter my oan sprongen en raasden fan: ‘Lobje him, lobje him!’ Ik rûn al myn libben, seach efterom, foel. Hja hellen my yn, har geskreau kaam tichterby: ‘Lobje him!’ Ik draafde wer troch. It like oft de hoarizonten op my ta kamen en de loft delsakke. Ik siet finzen yn in arena mei tolve duvels op myn hakken. De loft sakke noch mear, ik koe net mear rjocht op gean. Op hannen en fuotten kroep ik foarút. It ljocht ferdwûn, it waard neare nacht, en fan alle kanten kaam it roppen: ‘Lobje him!’
|
|