| |
| |
| |
Puch, 750 cc
De moarns al, doe't wy in pear oeren oan it wurk wienen, swurf der frjemd folk troch de hal. Guon sljocht ferklaaid, mar ek wurkfolk, timmerlju sa te sjen. Letter, doe't wy gyngen te kofjedrinken, sieten hja dêr ek. Der soe wol wat boud of ferboud wurde moatte, ornearren wy, en ien fan uzen frege de manlju oft dat sa wie. En hja antwurden fan ja, it wie sa. Doe ferskikten wy de stuollen om oer en wer prate te kinnen. Mar hoe en wat wisten hja fierder ek net. Hja moasten no in stik muorre weibrekke by it losplak oan de wetterkant. Mar oft der wat nijs komme moast? Der wie ommers gjin rûmte. Nee, der wie gjin rûmte, sei elkenien. Mar miskien moast der noch hiel wat dien wurde, seinen hja. Wy tochten, hja wienen net machtich, dat folle hoegde der blykber net út de wei set te wurden. Mar, antwurden hja, dat sei neat. Har baas hie it op it stuit smoardrok en dêrom koe er net mear folk misse. Hy hie har dus mar stjoerd om syn ôfspraak mei it fabryk nei te kommen, skielk soenen der wol mear mannen komme. De Jong sei, har baas die krekt as de timmerman by harres. Dy brocht in kroadfol sân by de klant - dan wie it begjin der - en in healjier letter kaam er wol ris wer. Dêr waard by ús om lake. De timmerlju makken risselwaasje om fuort en wy besochten út te finen wat der dan boud wurde moast. Ik tocht oan de frachtauto's, mar faaks soenen hja dat net begripe en dêrom hold ik my stil, want ik wist ek net hoe't ik it útlizze moast as hja deropyn fregen.
‘No, by ús hoecht neat feroare te wurden, wol, of soe it al?’
‘Nee,’ sei Bouma, ‘by my wurdt net boud.’
‘By my ek net,’ stikele Sybesma.
| |
| |
‘Soa, nee,’ gnyske De Jong om it yn de jamkste fâlde te slaan, ‘kin de brune it net lûke?’ Mar Bouma hie it wol begrepen, hy haffele op in eintsje sigaret om.
‘Nee,’ gyng De Jong fierder, ‘by ús sil wol neat hoege te feroarjen, en oars soe Bouma dat ek wol witte.’
‘Mar witte jo dan wêr àl?’
‘Nee,’ sei Bouma, ‘en as it net by ús is, en dat is net sa, oars wist ik it wol, mar it is net by ús en dan kin it my ek neat skele wêr't se bouwe wolle. As se ús mar net hieltyd foar de fuotten rinne.’
Letter nammers kamen se ek net wer by ús lâns, allinne om tolve oere hinne noch in kear, doe't hja nei de kantine gyngen te iten.
‘As in lús op in seare holle,’ rôp Sybesma.
Ik knikte.
‘Dy mannen!’
‘Jawis.’
Doe die er in stap myn kant út: ‘Dogge oars net as kofjedrinke. De baas sjocht it net. De twadde kear al en fanmiddei geane se nochris. Tink om myn wurden.’
‘Och,’ sei ik. Ik sei: ‘Doe't ik by de boer wie, skofte ik ek trije kear.’
‘Mar dan makken wy noch tsien oeren, en dizzen mar acht. No?’
‘Ja.’
‘Is 't net sa?’
Ik seach him oan: ‘Jawis, sa is it.’
Mar ik woe leaver oer it fabryk prate, oer it ferbouwen. Dy timmerlju hienen gelyk, it ôfbrekken fan dy muorre sei op him sels neat, mar it hie alle wierskyn dat der folle mear barre moast. Ik wist nammers ek noch net hòkker muorre. Dat stik muorre, hienen hja sein, en elkenien hie dat sa akseptearre en blykber witten wat bedoeld waard. Ik besocht my it losplak foar te stellen, mar koe it net
| |
| |
goed foarinoar krije. Ik soe Sybesma rieplachtsje moatte, mar myn fraach mocht net te ûnnoazel lykje, dat ik beprakkesearre hoe't ik him ynklaaie soe:
‘Soenen se dy hiele muorre derwei brekke wolle, of allinne dat stik?’
‘Jawis, wat oars.’
‘Wêrom?’ frege ik, want ik snapte der no hielendal neat mear fan.
‘Se sille wol wat mear rûmte ha wolle, sà breed is it dêr optlêst ek net.’
No nee, men koe der amper komme mei in heftruck, en passearje wie hielendal ûnmooglik. Mar it laden en lossen barde ommers yn 'e regel mei de lieren, it guod kaam fuort op solder en der wer wei, meast derwei. Nammers safolle gebrûk waard der ek net fan makke, it measte gyng mei auto's fuort, allinne inkele produkten waarden fearn en by stuiten koe it der dan wol even drok wêze. Om dy inkele mominten hoegde der dochs net ferboud te wurden? Op 'en doer soe de hiele binnenfeart dochs ferdwine, dat wie dúdlik. Mei in skip gyng te stadich en wie net iens folle guodkeaper. Ik lei it Sybesma foar.
Hy sei: ‘Nee, dat is sa, mar der leit noch alris in skip, en it is dêr fierste smel. Hawar, dêr hoege wy ús de holle ek net oer te brekken, se binne altiten wol hjir of dêr oan it prutsen.’
Alles tige by tige, dochs woe it net yn my del, dat it hjir by bliuwe soe.
Wy moasten dy deis in aparte sinding klearmeitsje. Wy hienen it drok, der moasten sa gau mooglik twa auto's fol, foar fjouweren as it koe. Bouma kaam allegeduerigen by ús om te freegjen hoe fier as wy wienen, mar dat wisten wy útsoarte net. Dan gyng er wer nei de oare hal ta, dêr't de kratten fan deksels en izeren bannen foarsjoen wurde en ynearsten opslein. Of hy telde de lege kistkes dy't neist
| |
| |
ús opsteapele stienen, prate mei Geartsma en mei my.
‘It draait bêst,’ sei er, ‘it komt wol klear foar fjouweren.’
It tempo wie heech, mar evenredich, ik koe it wol byhâlde en de masine die it hjoed bêst.
Ik frege my ôf wêr't de nije reservoirs kamen, en de nije masines. Mooglikheid ta útwreiding wie der winliken net. Oan de iene kant it wetter en oan de oare kant de strjitte. Allinne omheech, noch in etaazje derop, dat soe kinne, mar dat wie op 'e lange doer faaks de bêste oplossing net. Boppedat soe der dan op de boppeste ferdjipping in sadanige dusoarder hearskje dat der moannenlang skraachwurk arbeide wurde kinne soe. It bêste soe wêze in hiel nij gebou te setten en dêr de nije masines yn ûnder te bringen. Hokker masines? Ja, dat wist ik fansels noch net, dêr soe ik noch efter sjen moatte te kommen. It wie nuver dat gjinien der wat fan wist. Sels Bouma skynde der neat oer heard te hawwen, wêr't en wat der boud wurde moast. Wêrom wienen se sa efterhâldend mei dy nije plannen?
Ik stinde deropom oft ik jitris by Sybesma ynformearje soe, doe't Ruerd-en-dy deroan kamen. It wie by twaen, seach ik. Wy fertelden it hoe en wat oan harren: Dizze kistkes moatte noch fol. Foar fjouweren moast it klear, mar dat rêde jim bêst, wy ha der hiel wat trochjage fan 'e moarn.
‘Tink om de prestaasjepunten, mannen,’ sei Harms, ‘allegear foar de telefyzje.’
‘Wat telefyzje?’ frege ik.
‘Wy kinne telefyzje krije. Witte jim dat noch net?’
‘Kinne wy it ek krije?’ frege Geartsma. ‘Hoe witte jimme dat?’
‘It stiet oanplakt yn de kantine. Sjoch mar ris.’
‘It kin my neat skele. Dy?’
| |
| |
‘Nee,’ sei ik, ‘ik jou net om telefyzje.’
Mar De Jong woe nei boppen, hy hie ek toarst, sei er. Geartsma ek.
‘Giest mei?’ frege er.
‘Dan kom ik net op tiid by de bus.’
‘Ik bring dy wol even efterop.’
‘Wol er wol?’ tante ik, ‘juster koest him ek net oan krije.’
‘Eh wat,’ sei er, ‘hy docht it no wer bêst. 750 cc. Kom mei.’
Der wie boppe suver gjinien, allinne yn de fierste hoeke sieten in pear bazen mei in man te praten. It like deselde wol dy't fan 'e moarn mei de timmerlju troch ús hal rûn wie.
It stie yndied op it meidielingeboerd. De Jong sei: ‘It hinget hjir noch net lang, tsien oere wie it der noch net. Hoe wisten jo it dan, Geartsma?’
‘Ik ha it lêzen, it stie yn de krante. Ha jim it net lêzen?’
Wy skodhollen; ik krantlies nammers komselden.
‘Hoe stie it der dan yn?’
‘In advertinsje, in oprop foar personiel, lykas wol faker, mar no stie derby dat jo krigen fuort telefyzje.’
‘Moai is 't al,’ sei De Jong, ‘in frjemd wit it earder as men. Kinne wy it ek fuortendaliks krije?’
Wy gyngen alle trije oerein om nochris te lêzen:
De direksje stelt foar al har personielsleden de mooglikheid iepen om op in sa foardielich mooglike wize yn it besit te kommen fan in telefyzjetastel. De direksje hat nammentlik in kontrakt sletten, rinnend oer in grut tal tastellen, wêrtroch't de priis uterst leech holden wurde koe, in tastel kostet noch gjin ƒ600,-.
Wa't der gading oan meitsje, en de direksje ferwachtet dat dat gâns binne, kinne fuort in tastel krije.
De wize fan ôfbeteljen is tige maklik en giet ûngemur- | |
| |
ken: de direksje is nammentlik fan doel it prestaasjelean net langer út te beteljen, mar dat yn te hâlden en yn mindering te bringen op it bedrach fan de skuld.
‘Dus fergees krijt men it net,’ sei ik, doe't De Jong de lêste alinea lûdop lêzen hie.
‘Nee, kinst begripe!’
‘Mar it giet ûngemurken,’ sei Geartsma, ‘prestaasjelean is ekstra.’
‘Mar in ekstraatsje dat ik skoan brûke kin. Do hast gjin húshâlding, oars soest it gewaar wurde. Netwier?’
Ik sei fan ja.
‘Mar oars krigen wy ús lean, en noch wat deroerhinne. No krije wy itselde lean, mar telefyzje deroerhinne.’
‘Nee,’ sei ik, ‘wy kinne telefyzje krije, mar dan minder yn 't pûdsje.’
‘Just, krekt,’ knikte De Jong, ‘sa is it. Telefyzje mei ús lju net barre.’
‘No, ik wol 't ha.’
‘Sa't ik sei, do bist frijfeint. Mar ik ha seis lytse bern.’
‘Wat dogge jo ek mei safolle bern.’
‘Och, wat praatsto,’ sei De Jong. Hy dronk syn glês leech en sakke ôf.
‘Ik wol fuort,’ sei ik, ‘oars helje ik de bus net mear.’
‘It kin noch maklik,’ rôp Geartsma, mar hy kaam efter my oan. Wy gyngen nei de stalling dêr't syn grutte motor stie. Hy moast him hielendal noch ynpakke en die it him skoan oan tiid. Einlings wie er klear en aldergeloks sloech de moter fuort oan.
‘Hearst him wol?’ lake Geartsma, ‘750 cc. In Puch.’
It ding sei pof-pof en wy swaaiden ta it stek út. Doe sette Geartsma him mei folle bewegings fan earmen en holle yn de twadde fersnelling en neigeraden yn de tredde. It is mar in hoannestap op sa'n motor, tocht ik, wy rêde it noch moai. Doe't wy lykwols by it stasjon kamen, seach
| |
| |
ik myn bus krekt de stêd yn riden.
‘Dêr giet myn bus!’
‘Wêre?’
‘Dêre, sjoch. Wy binne te let!’
‘Dat kin net, silst dy wol fersind ha.’
Mar doe't wy by it stanplak kamen, stie dêr neat mear.
‘Hy is krekt fuort,’ rôp ien, ‘jim binne him fêst foarby kommen.’
‘Ja,’ sei ik, ‘ik ha him wol sjoen.’
‘No dan,’ sei dy oare, ‘no!’ En hy loek oan de skouders.
‘Ik helje him wol even yn,’ sei Geartsma loftich, ‘sitste?’ Wy skeaten wer fuort.
‘Yn de bochten meihingje!’ rôp er. Wy fleagen de stêd troch en oer in brêge, dat ik in ein omheech dûnse.
‘Meihingje!’ Ik sloech de earms om him hinne. It gyng my mâlernôch, folle hurder as 50. Op in rjocht ein raasde ik it him yn 't ear: ‘Meie wy wol sa hurd?’
‘Do woest him dochs ynhelje?’
No ja, dat woe ik fansels ek, mar ik hie it noch leaver hielendal oars wollen. De bushalte oan de râne fan de stêd wie neat mear te sjen. Wy jagen troch.
‘90,’ rôp Geartsma.
Wy hellen in bus yn.
‘Is dat him?’
Wy rieden even neist de bus, gyngen him doe foarby. Ik seach om, it wie him. Justjes fierder wie in halte. Ik sprong fan de motor.
‘Sa,’ sei Geartsma, ‘klear, hen!’ En hy kloppe op de benzinetank as wie it de hals fan in hynder. 750 cc.
Ik stie al op 'e dyk te swaaien. De bus siet gâns folk yn, mar by Sybesma wie noch in plakje frij. Ik sakke njonken him del en fertelde hoe't ik sa let kaam.
Letter frege hy oer de telefyzje. De telefyzje, ja, en de
| |
| |
ferbouwing, dat wienen de beide dingen dêr't ik hieltyd oer prakkesearre. Dy ferbouwing woe ik op it stuit mar net oer prate, dêr wie temin oer bekend, en boppedat hie it alle kâns dat Sybesma wer oer dy timmerlju begûn. De telefyzje wie in better ûnderwerp, dêr sieten mear kanten oan. Ik wist der nammers ek al hiel wat fan ôf, dat Sybesma net wist. Ik fûn it moai dat er my bysûnderheden frege.
‘Ha jo dy advertinsje net lêzen? Geartsma sei, der stie dat nijkommelingen daliks in tastel krigen.’
‘Ja, no, dat kin dochs wol.’
‘Ja, mar hark ris, as der no ris ien is dy't it wurk net foldocht. Ien lykas Fan der Mear, dy't wer nei it leanbedriuw giet, sa'nen is dan mar moai oan in telefyzjetastel slagge.’
‘Ja, kinst begripe, dat sil wol fêstlein wurde.’
‘Hoe woenen jo sizze?’
‘Wat stie der op dat papier?’
‘Wy,’ sei ik, ‘nammentlik... de direksje is fan doel it prestaasjelean net mear út te beteljen. Mar dat wolle se dan yn mindering bringe op de skuld. En nei in skoft binne jo dan lyk.’
‘En ast dan út it fabryk wei wolst en do moatst noch in pear hûndert ôfbetelje, wat dan?’
‘Ja,’ sei ik, ‘ja. Betelje?’
‘No! Wat tochtste! Dan kinst it restearjende bedrach mar betelje. Ik tink dat se dy net iens in ûntslachbewiis jouwe foardatst lyk biste.’
‘Wa hat in pear hûndert gûne byinoar, gjinien ommers.’
‘Dan kinst der bliuwe.’
‘Dan moatte jo fanneed wol bliuwe, ja.’
‘Hast him troch? Se binne net gek, begryp dat goed.’
Sybesma hie gelyk, dit wie in bêst middel om folk te hâlden. Nuver dat ik dêr sels net op kommen wie. As men
| |
| |
ienkear it tastel yn 'e hûs hie en it papier tekene wie, dan siet men as in mûs yn de falle. Sinten om ôf te beteljen soe men dochs noait hawwe. Of jo moasten it tastel twaddehâns fuortdwaan. Mar fansels, as jo it in pear jier hân hienen, woenen jo it net wer kwyt. Se binne útsliept, dy bazen. Se witte wol wat se dogge mei har ‘maklik en ûngemurken’. Jo sitte oan hannen en fuotten bûn. Hoe lang wol net? Ik hie noait op it briefke neigien hoefolle prestaasjelean oft wy krigen, dat ik koe gjin goede berekkening meitsje.
‘Hoefolle prestaasje krije wy wyks?’ frege ik Sybesma.
‘No, dat witst sels wol, fêst trije gûne. Lêsten ha wy in skoft op fiif en in heal sitten. Trochinoar in gûne of fjouwer, goed twahûndert yn 't jier. Dan hast noch in trije jier wurk om lyk man te wurden.’ Hy trommele mei de fingers op de leuning foar him.
‘Hiest der wol sin oan?’
‘Nee, ik jou net om telefyzje.’
‘Dan sille wy ús der mar net drok om meitsje.’ Hy draaide in sigaret en treau dy efter it ear.
Dat wie allegear goed en wol, mar men koe der dochs net samar mei akkoart gean? Ik makke my der àl drok om. Earst fan 'e moarn dy timmerlju dy't rûmte skeppe moasten foar de nije masines, en no de telefyzje, dêr't se it folk mei lokje woenen en mei fêsthâlde. It hie al yn de kranten stien. Wis, as it fabryk útwreide waard, kaam der grut ferlet fan personiel. Dat ferlet wie nammers altyd oanwêzich. Mar no telefyzje! Fuortendaliks oer it lean hinne! Wa soe dêr net op ôffleane! It wie ommers langer de winsk fan elkenien, sa'n ding yn 'e hûs en der jûns wat nei sitte te stoareagjen. In goekunde fan ús hie lêsten ek ien oantúgd. Hy sei: ‘Jo leare der in hiele soad fan, jo krije mear eachweiding. De hiele wrâld komt by jin yn 'e hûs.’ Dat naam ik wol fan him oan doe, mar ik hie gjin belang by de hiele
| |
| |
wrâld en hjir en dêr in hap en in snap fan. Ik hoegde mar in hiel lyts stikje fan de wrâld, mar dat woe ik troch ende wer troch kenne. Wat bûten myn wrâld foel, hie ik gjin ynteresse foar, en woe ik leaver ek fier fan my hâlde.
|
|