| |
| |
| |
Zuivere bijenhoning Voedzaam en gezond
Myn frou begûn der fanmiddei, doe't ik siet te iten, oer, dat ik wolris wat oan it tún dwaan mocht. Ik hie dat plan nammers sels ek al makke, mei't it waar him skoan oansjen liet. Ik haw fan 'e wike de betide tsjinst en dus it oerdeisskoft frij. Dat sadwaande haw ik hjoed op it tún stien. De eker fuort efter de rabarberplanten haw ik hakke. Foarige hjerst hie ik it ek al omlein, mar de grûn wie finaal tichtslein, ik koe de túnklauwer der net yn krije. Ik haw oan sawat healwei fiven ta oan it hakjen en klauwen west en doe woartelsied struid. Moai op streekjes, oars kin men letter it opkommen sied sa min ûnderskiede fan it túch. Syts hat my twaris tee brocht, mei't ik it my net oan tiid die om yn 'e hûs te gean. It wie in wolkomme ôflieding dat hja kaam. Ik hie krekt in nuver ûngemak hân mei in wjirm. Doe't ik oan it hakjen wie, stiek ik mei de lep in wjirm midstwa. Ik die it net mei sin, ik koe it net helpe. As ik witten hie dat dêr krekt in wjirm siet, hie ik it ark wol efkes fierderop yn de grûn stutsen. Mar der foel al neat mear oan te feroarjen. De iene helte, mei de kop, lei tusken de klútsjes te kronkeljen, en it oare stik wrotte út de glêd ôfstutsen grûn wei en foel yn de fuorge. In pypke grize modder protte út it liif wei. Ik stie der ferslein nei te sjen. Doe kaam Syts.
‘Al yn 't krús?’ frege hja.
Ik wiisde nei de heale wjirms.
‘Sjoch,’ sei ik, krekt as wie it in aardichheidsje, ‘ik haw in wjirm midstwa stutsen.’
‘O,’ sei hja. ‘Tee.’
| |
| |
Ik begûn fuortendaliks te drinken en tocht ûnderwilens dat ik Syts net skerpernôch op 'e hichte brocht hie mei myn ferkearde set: ‘No giet er dea.’
Hja skodholle: ‘It wurde twa.’
‘Twa?’
‘Oan it iene ein groeit in sturt en oan it oare in kop.’
‘Ja? Hoe kin dat?’
‘Sa is dat no ienkear.’
Hja wachte oant ik har it kopke weromjaan soe, mar ik woe har earst fertelle wat my yn 't sin skeat: ‘Witst wol dat wjirms it net meielkoar dogge?’
Ik hie my dúdliker útdrukke moatten oan har gesicht te sjen.
‘Hja krije samar jongen, in wjirm is mantsje en wyfke tagelyk.’
It wie in opwinende tins, mar Syts sei: ‘Jakkes.’ Hja gyng fuort. Ik krige de twa helten fan de wjirm op de punt fan de lep en mikte se in ein fuort. Ik sette my wer ta hakjen.
Syts sei jakkes. Fûn hja it fiis om't it oer de geslachtelikheid gyng? Nei alle gedachten net dêrom. It meast foar de hân lizzende wie nammers noch dat hja dat wurd sein hie, om't dat har it earst yn it sin kaam. Syts fûn komselden wat fiis, hja peutere mei tagedienens de rûpen út de koal dy't by ûngelok meisean wienen, en as it in lytske wie... jakkes.
Dochs fûn ik it sels net in noflik idee dat in wjirm twaslachtich wie. It die ûnsympatyk oan, krekt in frou dy't har oant bûten de perken emansipearre hie.
Mocht Syts dat net ealgje, ik fielde my as man misledige. Want it lei foar de hân dat de wjirm froulik wie, en dan teffens foarsjoen fan manlike sellen. Soks wie maklikernôch op te lossen, like my ta: in wyfke dat har sels bedrippe kin. Ik besocht de situaasje te'n geunste fan mysels om
| |
| |
te kearen: in mantsjewjirm dy't jongen krige, mar dat wie sa healwiis en ûnmooglik, dat ik der gjin momint treast by fûn. Dy foarstelling fan saken wie stumperich en dwaas, ik koe der yn de hiele bistewrâld ek gjin foarbyld fan fine. Mar just wol fan it oare, bygelyks in soart blêdluzen. Dy krije mar generaasjes op generaasjes jongen, allegear wyfkes, sûnder dat der in mantsje oan te pas komt. En dy nije wyfkes krije ek wer jongen, samar. Allinne yn de hjerst wurde der mantsjes berne, dy't derfoar soargje dat der yn de nije maityd in minder iensidige generaasje blêdluzen komt. By guon spinnen giet it nammers ek nuver om en ta. Dêr fret it wyfke it mantsje op, sadree't dat har befruchte hat. Befruchtsjen is syn taak en de iennichste reden fan syn bestean, as er it dien hat, kin er út 'e wei. In mantsjespin is in geslachtsorgaan mei in lichem deroan. Fan dat gefal wienen parallellen oan te wizen: op in team hinnen hat (= hoecht) men mar ien hoanne; de hoantsjes dy't oer binne, kinne yn 't sop. Krektallyk giet it by bollen, faaks is it by dy bisten it fierst trochfierd. Hja steane yn tige hygiënysk ynrjochte stâlen, fan alle gemakken foarsjoen. Hja krije bêst iten, net om't se dat lekker fine, mar om't dat nedich is. Ienkear deis moatte hja yn de draaimûne rinne, om yn kondysje te bliuwen. Hja produsearje sied. Even ljochte hope by my op doe't ik seach dat dit gedrach ommers net fan it bist sels útgyng, mar dat er der troch minsken ta twongen waard; fuort dêrop besefte ik lykwols dat krekt de mentaliteit dy't efter dit minsklik yngripen skûle, in hiel gefaarliken wie. Koe men by wjirms, spinnen en oar krobbeguod noch tinke oan in primityf relikt út de oertiid, dit yngripen yn de bistewrâld koe wolris in symptoom wêze fan in feroarjende wurdearring fan de twaheid man-frou. Soenen wy wer op in tiid ta gean wêryn 't it minsklik slachte foar it meastepart bestiet út froulju, dy't inkelde manlju tolerearje of ‘hâlde’?
| |
| |
Der binne no al froulju dy't in bern ha wolle, mar gjin man. Hja moatte wol omgong mei ien sykje, spitigernôch, mar as it even kin, litte hja har ynseminearje, dat is saakliker. Men wit net wêr't it sperma weikomt. Sperma? In chemyske ferbining dy't men ynnimme moat, lykas in pinehollepoeier. Jo kinne it bestelle. Wilens kaam Syts op my ta, dy't fan my hold. Safier soe it nea komme kinne, salang't wy njonkeninoar stienen.
‘Hasto no al om boadskip west?’ frege hja.
‘Boadskip? O ja. Nee.’
‘No!’
‘Ja, ik sil it ark skjin meitsje.’
‘Do meist earst wol gean. It is op slach fan seizen.’
‘De klok wint,’ sei ik, ‘ik ha it noch goed njoggen menuten, njoggen en in kwart, in tredde.’
‘En hoefolle tellen?’ frege hja wat laitsjend.
Ik lake ek, alhoewol't der yn de fierste fierte gjin reden wie om te laitsjen. Ik skrabbe de lep en de túnklauwer skjin mei in stik stien, loek de jas oan en stiek ôf. Ik gyng it fytspaad del oan it doarp ta, dêr't ik de wei oerstekke moast. Even wachte ik op in passearjende auto en sette wer ta. Ek doe wer wie ik bang dat der in auto tsjin my oanfleane soe. Ik fielde hoe't ik omheech smiten waard wylst de fyts ûnder my wei skuilde. Alle kearen dat ik dêr lâns moast, griep dy eangst my oan.
By de winkelman loege ik de boadskippen, dy't Syts yn it boekje skreaun hie, yn de tas. Sûker, bûter, ik koe it samar fine, om't dat ta it gewoane rychje hearde. Earte; dêre. Hunich. Hunich? Ik stode by de potsjes lâns, mar ik seach it nearne.
‘Ik kin de hunich net fine,’ sei ik tsjin Sake.
Hy lei it poatlead del en pakte in potsje dat flak foar my op de planke stie.
‘Zuivere bijenhoning, voedzaam en gezond,’ sei er,
| |
| |
‘noch mear?’
Ik stie mei it potsje yn de hân. Der stie in tekening op fan in ealjebij mei in grutte gnizende kop.
‘Liga en waskpoeier, in grut pak.’
‘De liga. En de waskpoeier.’
Ik betelle him en ferliet de winkel.
Bijen. It wie dom dat ik dy niis yn myn beskôging ferwaarloazge hie. In mienskip wêryn 't it prinsipe fan it nut it fierst trochfierd is. Ien wyfke, de broedbij, leit alle aaien, by de oare wyfkes is it fuortplantingsorgaan rudimintêr bleaun, it binne wurkbijen. Mantsjes wurde berne litten as der in nije broedbij te befruchtsjen is. Ien fan de mantsjes kriget mar de kâns om de broedbij op de breidsflecht te nimmen, foar ienkear en foargoed, want de massa sied is in libbenlang tarikkend. Men soe sizze, der sit in ûnregelmjittichheid yn it systeem, want der wurdt in hiele flecht mantsjes oanlein, wylst ien foldwaande wêze soe. Dy iene is nuttich en ûnmisber, mar de oaren dogge ommers neat? Mar krekt op dat punt iepenbieret him de wredens fan dizze mienskip. Troch in grut tal mantsjes op te lizzen, wurdt har nutleazens trochinoar rekkene praktysk folslein. Yn it ramt fan it grutte tal nutleazen wurdt de prestaasje fan dy iene ek ta nul redusearre. De wurkbijen, dy't alle fielen foarbyparte is, begripe dan ek net wêrom't der mantsjes besteane. Hja prakkesearje der sadwaande ek net oer om de mantsjes by 't winter yn it libben te hâlden. Wa mantsje net yn de hjerst stjert, wurdt wol even holpen. Allinne de broedbij wit dat it fuortbestean fan it folk foar de helt oan in mantsje te tankjen is, mar hja lûkt har hautain yn de binnenkeamer werom en swijt. De trochbrekking fan it systeem soe allinne mooglik wêze as mantsjes en wyfkes it meiinoar iens waarden en har yn de kompe fersetten tsjin de tiranny fan de broedbij. Mar oan dat betingst soe nimmer foldien wurde. Men koe op 'en
| |
| |
heechsten learing lûke út dit tragysk ferrin. Wienen der yn de minskemienskip tekens dy't derop wiisden dat ien him ferheffe woe boppe de oaren en de earste fioele spylje? Want nei't Syts niis by my kommen wie, hie it my fuort as ûnmooglik bliken dien dat hja en har soarte har ferheffe soenen boppe de man. Syts hold fan my. En al soe it ienris safier komme dat de manlju nei in legere oarder dirigearre waarden, dan noch soenen der ûnder al dy miljarden froulju guon bliuwe dy't op foet fan gelykheid mei in man ferkearden; dit systeem soe noait ende nimmer folslein wurde kinne. Yn de tiranny fan in groep sitte altyd lakunes; de tiranny kin pas restleas wurde, wannear't dy útgiet fan ien wêzen, ien brein, de broedbij. Dat wie it gefaar, dat it dy iene slagge troch ôfstomping en ûntseksualisearring de seksen faninoar te ferfrjemdzjen en himsels te ferheffen ta bolwurk en idoal fan de leafde, in oer-ik dêr't alle wêzen syn bestean oan te tankjen hie en op rjochte wie.
Doe't ik yn 'e hûs kaam, sette Syts de boardsjes op tafel. Hja snijde foar Gerlof in stik bôle yn blokjes wylst ik in each op de famkes hold, dy't oan wjerskanten fan my sieten. Sijke woe in ferhaal begjinne, mar ik sei: ‘Stil, ite.’
‘Sijke moat moai har bôle opite,’ sei Syts.
Doe hearde men in skoft neat as it krassen fan de messen en it kôgjen. Ik joech Wimke in nij stik doe't se mei it oare op healwei wie, om in fraach foar te kommen. Lyksa geat ik de famkes fuort wer in glês molke yn. It bleau stil, allinne lústere Syts Gerlof wat yn it ear. Doe begûn Wimke te seuren: ‘Ik hie hunich ha wollen!’
‘Hâld dy stil. Ytst dit earst mar op.’
Hunich, hoe krijt se it foarinoar!
‘Mem, mei ik hunich?’
‘Ja, lea. Dochsto it even?’
‘Ik wol ek sa graach hunich ha,’ begûn Wimke no wer.
| |
| |
Ik naam de pot, smarde de bern in stik, en skode him wer fan my ôf. Ik draaide him sa, dat ik it plaatsje net sjen koe.
‘Hast betelle? By Sake?’
‘Ja.’
‘Alles?’
‘Ja. Alles.’
‘Stie der noch net wat?’
‘Ik wit net, hy hat neat sein.’
‘Ik miende it. No ja, hy komt wol wer.’
Wimke puozze molke yn it board en op de bôle en hoegde it net mear.
‘Ytsto it op?’ frege Syts.
‘Ik hoech gjin hunich. Ik bin sêd.’
De famkes woenen hielendal wosken wurde foar't se op bêd gyngen, mar Syts fage har de hannen en de noas ôf mei in wiete skûlk en stjoerde se nei boppen.
‘Sijke kin my net helpe, mem moat my helpe,’ aksele Wimke noch tsjin, mar Sijke loadste har mei de doar út. Syts berette hastich Gerlof en gyng de famkes efternei.
Ik siet foar de leechiten tafel. In heal glês oerbleaune molke stie yn in plaske tusken in mannich koarsten. In pear miggen, oanlokke troch de moaie dei, gûnzen oer it bôleguod en tipten oan de krûmels. Ik geat my nochris kofje yn en socht de krante, want ik die neat. Der stie it wenstige ferskaat yn fan ûngemakken, ynbraken en doarpsnijtsjes. Ien artikel lykwols loek myn omtinken. It wie it ferslach fan in rjochtsitting wêryn 't libbenslang easke waard tsjin in âld-nazi. Inkelde útdrukkings oer ‘tsjustere, minskûntearjende praktiken’ prikelen myn nijsgjirrichheid. It wie blykber it lêste fan in searje ferslaggen, sa njonkenlytsen ôfsakke nei de minder lêzene pagina's. Ik seach nei de datum fan de krante en socht yn de krantebak om eardere nûmers, dêr't ik de koppen fan
| |
| |
trochnaam, mar fûn neat. Syts, dy't fan boppen kaam en it hier fan de foarholle striek, frege ik wêr't se de âlde kranten brocht hie.
‘Yn it hok,’ sei hja, ‘wat wolst?’
‘Ik sykje om wat.’
Dat sadwaande bedarre ik yn it hok, knipte it ljocht op en begûn te sneupen yn de ierappelbak mei kranten. Ik naam in steapel mei dy't oant in wike of tsien tebek rikte. Syts hie ûndertusken de tafel ôfret en teewetter opset. Want as ik moarnstsjinst ha, moat ik der healwei fiven ôf, en dan binne wy jûns ek betiid. Ik lei earst de kranten op datum, mar der misten noch al wat tusken út. De krante dy't ik niis yn hannen hân hie, knipte ik it stikje mei it ferslach út en skreau de datum derop. Doe sloech ik oan it sykjen. Ik begûn by de nijste nûmers, mar doe't ik in stikmannich fan begjin oant ein trochstavere hie en neat fûn, fertrette my dat sa, dat ik de steapel omkearde en yn de âldste krante begûn te sneupen. Neat. De twadde ek net. Mar op de frontpagina fan de tredde stie yn fette letters: ald-nazi güntermann oanholden. Dêrnjonken in man mei in ordintlik gesicht, hoed op, flankearre troch twa manlju dy't der sa ûnopfallend útseagen, dat it opfoel: guon fan de plysje. Underoan it artikel stie: ferfolch pagina 3. Ik knipte beide stikken út en lies. Der stie no just net folle bysûnders yn. Yn hieltyd oare sinskonstruksjes waard ferteld dat se Güntermann snipt hienen, dat se al mear nazi's snipt hienen, mar dat der noch altyd nazi's op frije fuotten wienen, dy't meiertiid faaks ek noch snipt wurde kinne soenen. Fierders waard beweard dat dizze Güntermann net sa'n bêstenien wie, likemin as syn maten. Der wie blykber alle flyt op dien om der in lang artikel fan te meitsjen. It ferfolchje op side 3 hie noch de ferrassing yn petto dat Güntermann miskien útlevere wurde soe oan Israël. Ik tekene de datums oan yn de marzje.
| |
| |
In hiel skoft letter - ik hie al tee dronken en Syts hie jitris frege wêr't ik om socht - fûn ik wer in stik oer Güntermann. It ferskilde in lytse seis wike mei it oare. It joech in oersjoch fan in stadium út de akte fan beskuldiging. Blykber hienen der yn de nûmers dy't ûntbrieken, noch inkele gelyksoartige stikken stien, dat koe ik út de ynliedende rigels opmeitsje. Mar it hoegde my net te muoien dat ik dy kranten miste, want de ûnthullingen oer minskûntearjende praktiken moasten noch komme. Letterlik stie der: ‘Dit ûndersyk, dat him oant no ta yn haadsaak taspitst hat op de fraach ynhoefier't Güntermann - dy't yn de Israëlyske blêden de “boal fan Dachau” neamd wurdt - op befel fan syn superieuren handele, oft hy de maatregels tsjin de Joaden jitte ferskerpe, sil yn de kommende dagen syn dramatysk hichtepunt berikke. Moarn, of uterlik oaremoarn, sil neigien wurde, yn it foarste plak oft (mar dat stiet wol bûten kiif) en yn it twadde plak oant hokker hichte Güntermann ferantwurdlik is foar de maatregels dy't ta doel hienen de fuortplantingsorganen fan de Joadske finzenen bûten werking te stellen. Ferskillende slachtoffers dy't dizze ûnminsklike eksperiminten ûndergien hawwe en mei behâld fan it libben út de oarloch slagge binne, sille, is fan offisjele side meidield wurden, as tsjûgen optrede. Om begryplike reden wurde de nammen geheim holden.’
Dit stik sette ik in akolade foar, en lei it by de oare knipsels. Ik socht fierder, al gau hie ik byt. Under de grutte kop stie: ‘Beesteftige eksperiminten yn kamp Dachau’. Ik begûn hastich te lêzen, de ynliedende sinnen mei ‘mûnsterlik’ en ‘ûnfoarstelber’ sloech ik oer om fuort nei de kearn te sjitten. Ynderhaast glied ik deroerhinne en moast op 'e nij begjinne. It wie eins mar in lyts stikje, in summier ferslach, alteast de saak dêr't it om gyng. It wie lang net sa ferbjusterjend en opwinend as ik ferwachte hie
| |
| |
nei it foarige artikel, mar dochs soe dit it bewuste ferslach wol wêze. Der wienen foarbylden fan groffe kastraasjes en sterilisaasjes, mar ek fan mear ferfine metoaden, wêrby 't it slachtoffer ynearsten ûnkundich bleau fan de yngreep.
|
|