Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 259]
| |
1. Algemien oersjochOm 1930 hinne waerd it mannichien yn Fryslân dúdlik, dat de winsten yn it skriftekundige, dy't de Jongfryske biweging meibrocht hie, dochs net sá great wiene, dat de forliezen wol weisifere wurde koene. De wenstige selsoerskatting fan elke nije generaesje hie makke, dat de tokoarten en forsinnen fan 1915 net daliks yn it each foelen, mar dy oppenearren stadichoan har sels wol. It klearst die dat yn de tritiger jierren bliken út de skriuwerij en de redenaesjes oer de forhâlding fan dichter en folk. De Jongfriezen waerd it tahâlden op de forneamde ivoaren toer forwiten en de rop wjerklonk, dat it mei al dy ‘lyryske jammerdearlikheit’ nou mar ris út wêze moast. Der hearske bloedearmoede, yntarring, yntellektualisme en folle-net-genôch yn de Fryske skriften en in novelle as ‘De wylde boerinne’ fan Holtrop waerd neamd as foarbyld fan hwat foar Frysk proaza nedich wie. Lyk as yn elke réaksje, sieten ek hjir wol eleminten fan wierheit yn. Dy't de ynlieding fan Kalma ta De Nije Moarn (1922), dat púkje fan Jongfrysk proaza,Ga naar voetnoot1) goed lêzen hat, wit wol sahwat hokfoar geast der doe wankte. Yn deselde jierren hat Kalma dramatysk wurk levere, - De wei fen Dante, 1921; In dream to Wytmarsum, 1922; mar fral Wy Allegearre, 1923, dat ek jitte in ‘evangélyske forbylding’ neamd waerd, - dat hyltyd heger yn de loft sweve en foar in gewoan minske hyltyd minder taestber en forsteanber waerd. Soe ek it tokoart oan goed forheljend proaza, dat op de balâns fan de Jongfryske literatuer foarkomt, net út dy situaesje forklearre wurde moatte? Hie de jongerein fan 1915 wol foar romans en folkssangen soarge, bigriep hja net dat der in wikselwurking tusken skriuwer en folk bistean moat, fielde hja net dat de wrakseling yn de literatuer om de siel fan it folk net bitsjut it bliuwen oan it oerflak, mar krekt it peilen nei de djipte? Hja hiene net hielendal ûngelyk dy't úthâldden, de ôfstân tusken de yntellektuele Jongfriezen en it boere-wêzen wie net maklik mear oer to kommen. As âlderen as Simke Kloosterman, Brolsma en Postma tusken 1915-'30 | |
[pagina 260]
| |
net ris publisearre hiene, soe dan it byld fan de Fryske skriftekennisse destiids net skriklike iensidich west hawwe? It binne fragen dy't hout snije, mar it is goed ek fan dizze réaksje de goede en de forkearde kant to sjen. Yn dat freegjen fan nei 1930 briek har oan de iene kant in heilsume foroaring troch. It sonnet waerd lang sa drok net mear bioefene (en bihoffene!), it gelegenheitsdicht kaem wer yn eare, it tiidsfers, de parody, it anekdotyske en humoristyske fers seach men folle mear as foarhinne. De skets, it forhael, de novelle waerd wer skreaun en de folksskriuwerij stie net mear sa yn de forachting. De suverheit, it rike taeleigen en de byldzjende krêft fan it Frysk waerden mear mei sin neigien en tapast Der ûntstie aldergeloks in nij stribjen nei de opbou fan in goed folkstoaniel en de bêste krêften fan inkelde amateursselskipkes ûntjoegen har linkelytsen ta biropsspylders. Yn it plak fan dizenige minskheitsidealen kaem it sykjen fan in ynliker forbining oan groun en skiednis. De geakundestúdzje krige de guit; yn de Fryske biweging roun der in rjochte streek fan de oprjochting fan de Prov. Fr. Underwiis-Ried nei de stifting fan de Fryske Akademy. De oare kant is der ek. Fryslân stie net bûten de striid fan de wrâldskôgingen, ek net bûten de botsing fan de politike ideologyen. Der kaem in Frysk Faksiste Front, prof. dr. Herman Wirth waerd in pear kear út Dútsklân nei Fryslân helle, it Oera-Linda-Bok waerd hyltyd mear neamd, yn de boerebiweging skouden troch de krisis guont de Dútske kant op. Foarmannen bigounen oer it demokratysk stelsel kritysker to tinken; sels ien as dr. G.A. Wumkes koe him net hielendal bûten elke nuodlike biynfloeding fan it Dútske tinken hâlde (Kristlik Frysk Leauwe, 1936). In skriuwer en strider as Jan Melles van der Goot, tragysk wrakseler om sounens en wierheit, sette lyk en fûl foar it kristendom syn naturalisme oer. Foar mannichien, ôfstoarn fan tsjerke en kristlik leauwe, wie de groun net mear it plak, dat de minske ta siedzjen en rispjen jown is, mar oergeheim, memmeskerte, hoeder en noeder fan alle libben. In nije antithese bigjint al foar 1940 in djippe kleau yn Fryslân to slaen, sa djip dat tidens de oarloch der gjin brêge mear oer lein wurde kin. Oan de iene kant fine Sybesma, Kiestra, Sibe Douwes de Jong en Douwe Kalma elkoar, en oaren, dy't de geast fan de tiid net to ûnderskieden leard hawwe, folgje harren. In trije, fjouwer Fryske skriuwers krije de Harmen Sytstra-priis, ynsteld fan frjemd biwâld. Hoe langer de oarloch duorret, hoe mear it skeel rekket oan eigen fleis en bloed. De frijheit bringt suvering, mar gjin suverheit. De striid giet fierder. As der yn Fryslân fochten wurdt, dan heart dat alderearst yn de Fryske literatuer to barren. De jongerein fan tusken 1930-'40 stiet nou | |
[pagina 261]
| |
yn de folwoechsenheit; in nije jongerein is yn de oarlochsjierren opkommen. De winen fan de wrâld waeije fan withwersanne - Parys, Rome, Bazel, Reykjavik, New York - oer it iepene Fryslân. Sille de inkelde beammen falle, of yn it waeijen hoekhâlde, gever wurde en fierder waekse? | |
2. De generaesjesAs de generaesje fan 1905 typearre wurdt troch Hof, Simke Kloosterman, Obe Postma en Brolsma, dy fan 1915 troch Rixt, Kalma en Marten Baersma, dy fan 1925 troch E.B. Folkertsma, Fedde Schurer en Rintsje Sybesma, wylst Jelle Brouwer en Douwe Kiestra yn 1930 wol tuskenmannen hjitte kinne, hokfoar nammen moatte dan foar 1935-'40 neamd wurde? Foar de poëzij stiet it wol fêst: D.A. Tamminga. Foar it proaza stride Ulbe van Houten en Nyckle Haisma om de foaroansit, wylst ek Ype Poortinga him der hwat skruten by jowt. Foar de kultuerkrityk makket de essayist Jan Piebenga in kâns. En as it toaniel der al in plakje by fortsjinnet, dan moat Abe Brouwer it mar útmeitsje, oft er dat hoflikerwize oan A. Meester-de Vries ôfstean wol. Mar oft der nei 1935 wol iens in nije generaesje to ûnderskieden falt? Dy't de fersen fan André Scholten lêst, seit fan net: gean mar tweintich jier tobek. Mar dy't it sa-to-sizzen synyske wurk fan Johannes D. de Jong of de fersen fan Haisma ûnder eagen kriget, is wis, dat dizze mannen it in oare kant út sykje as har foargongers. Gjinien sjocht yn Kalma de liedsman, - dat is folle earder E.B. Folkertsma, - mar elk wol graech fan him leare. Der komt gjin revolúsje; in jongerein dy't de âlderein oanfalle mient to moatten, is der ek net. Graech nimt dizze generaesje it hiele forline mei al syn rykdom en warskôging oan; de tradysje sit har moai heech. Hollânske ynfloed is der suver net; sa al, dan earder fan Geerten Gossaert en Jacques Bloem as fan Menno ter Braak. En de generaesje fan 1945? Dy't in skoft yn 'e sûs lein hat, fljocht net al to hurd oerein. Sa njonkenlytsen soarget it goederjowske libben lykwols foar genôch nammen, mar om't in literatuerskiednis neffens goed fatsoen in foech fearnsieu efteroan komme moat, sil it wol spanne elkenien to stoel en to bank to krijen. Yn de poëzij riist der net ien mei kop en skouders boppe syn sjongmaten út: Spanninga is apart, mar bispilet to graech frjemde snaren; Sikkema is produktyf, mar net apart; Dam is apart, mar net produktyf; Wadman hat tofolle nei de Hollanners sjoen en swijt al ridlik gau; Visser syn kriikbultsje bilunet ek al frijhwat. By it proaza liket it al hwat better, mar tonearsten set | |
[pagina 262]
| |
de âlderein (Cuperus, Akkerman en Van Houten) de jongerein rojaelen brutaelwei in pyk. Mar Ypk fan der Fear doar wol hwat oan, Anne Wadman hat hwat nijs yn de marse en Piter Terpstra is in trochsetter; Marten Sikkema skriuwt in goed koart forhael en Geart Jonkman mei al syn wylde flinken is literair net sunich by de pinken. Bliuwt oer it kritysk proaza; dêr hat Anne Wadman sahwat it ryk allinne, as Fokke Sierksma alteast net meidwaen wol. Der binne by de keppel dy't tradisionele wegen birinne, der binne dy't sa't it útkomt fan elke wâl hwat plúzje, der binne ek dy't graech it wyldlân ynstekke en nei útlânsk mal dêr yn it mâlle wei bigjinne to eksperimentearjen. It libben fljocht yn de tweintichste ieu hurd foarby. Skraechwurk binne dyen fan '45 yn De Tsjerne bigoun lûd to setten, of hja wurde yn De Golle-Quatrebras al foar âlderwetsk útmakke. Gysbert Japiks, dy't aerdich fier oer de generaesjes hinne sjen koe, hat Sjolle net omdôch de learing yn de rappe mûle lein: ‘Ik sil mei'ertiid wol wiizje, Dat earst moai skynt, kin nei griizje.’ | |
3. D.A. TammingaDat it mooglik is, ek yn ús tiid in geef en soms great dichterskip to bitoanen en tagelyk fêst to hâlden oan de biwende en oerlevere foarmen en reedlike sinkonstruksjes, biwiist Douwe Annes Tamminga (1909, Winsum; learaer to Snits). Syn wurk hat sa'n dúdlike ûntjowing, it toant safolle krêft, alluere, bylding, it is sa forsteanber en tagonklik, dat it suver oan de klassisiteit rekket. As it faek hwat minder objektyf en biwust wie, hwat minder fyn ynlein yn syn technyk en útrekkene yn syn wurdkar, as it jin hwat mear nei gyng en yn it hert taestte, as de geastlike figuer ek like klear wie as de yntellektuele, dan soe men graech sein hawwe, dat moderniteit en klassisiteit yn dit wurk gearfallen wiene. Tamminga, dy't folle ûnder it folk forkeard hat, ken it folksfrysk út 'e pin; hy hat it wurk fan de greate foarbylden yn de Fryske literatuer tige yn him opnommen; syn talint fan oaneigening is ek bûtengewoan, (is er dêrom sa'n master yn de parody?). Allinne ien, dy't sokke talinten bisit, kin ‘The Raven’ fan Edgar Allan Poe op sa'n masterlike wize yn it Frysk oerbringe. De skaedkant is dan fansels it gefaer fan de greate toanielspylder, dy't sa fier yn in oar syn hûd krûpe kin, dat er dy persoan op in stuit ek is. It debút fan Tamminga foel, lyk as ornaris by Fryske dichters, ryklik let. It bondeltsje Brandaris (1939) joech fuort al it biwiis fan syn drege taelmacht, folksaerdich oanfielen, plastyske fisy en bihearsking fan de fersfoarm. Dy't poëzij forstie, wist dat hjir mear as in | |
[pagina 263]
| |
DOUWE ANNES TAMMINGA
| |
[pagina 264]
| |
ûnthjit lei. De sprong nei it masterskip waerd in pear jier letter makke mei de samling Balladen en Lieten (1942). Styl en taeltrant tsjûgje grif fan biynfloeding fan oaren (de Hollanner J.W.F. Werumeus Buning byg.), mar ûntliening mei dat net hjitte. Greate mominten út de Fryske skiednis waerden hjir kant en foars en dochs sierlik útbylde; mei de niget oan de histoaryske stoffe, dy't der yn de oarlochsjierren wie, lei it foar de hân, dat de bondel tige wurdearre waerd. Faek is opmurken, dat de Lieten, hoe moai en ryk ek, om har persoanlike toan net yn in balladebondel pasten; Tamminga koe dat biswier blykber ynskikke en dêrom hat er yn in nije printinge de Lieten weilitten en der syn nije balladen oan tafoege: Balladen (1956). In foarnaem dichterskip, mei suver hast tofolle firtuositeit en raffinemint, kaem ta utering yn it tige persoanlike It Griene Jier (1943). Ta in hichtepunt, dat nei alle gedachten net gau oertroffen wurde sil, riisde it yn Nije Gedichten (1946), dat grif mei fan de knapste en yn inkelde gefallen ek fan de bêste fersen bifettet, dy't der yn ús ieu yn it Frysk skreaun binne. Spuonnen ûnder de skaefbank, ôfeart op de itenstafel, slypsel fan it dichterspotlead, - mits dy bylden yn gunstige sin opfette wurde, - kin men it bondeltsje neame, dat in mannich stikeldichten bifettet, Leksums (1945); in priuwke fan Tamminga syn humoristysk en faek ironisearjend talint. Dat dizze dichter mear as ien snaer op syn fioele hat, blykt út syn toanielwurk (Trelit op de miedpleats, 1947; mar binammen it faek spile stik: De Hogerhuis-saek, 1950). In goed stael fan oersetting is de bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes (1943). Dat er weet hat fan methodysk en pedagogysk wurkjen, kin elk - ta syn eigen baet - opmeitsje út in trijetal ûnderwiisútjeften (Styl en Stavering; De Reinbôge, - mei prof dr. J.H. Brouwer, in ienfâldige karlêzing út de Fryske literatuer foar de middelskoallen; Hwa, hwat hwerre? in hantlieding foar hollebrekkerij). | |
4. Oare fiifentritigers (poëzij)Fan de stik as acht dichters, dy't yn de jierren 1907-'12 berne binne, is min to sizzen, hwat bûten har Frysksinnigens it forbinende elemint tusken harren is. De greatste helt is fan orthodoks komôf; foar frijwol allegearre is it dichterskip ien fan de fasetten, en net mear, fan har skriuwerslibben; de titels fan har earste bondeltsjes wize allegearre op tydlikheit, forgonklikheit, bitreklikheit, - faeks kin men der ek jitte wurdearring foar it sljochtwei libben út ôfliede. | |
[pagina 265]
| |
Kin Tamminga samar in dichter hjitte, André R. Scholten (1910, Arnhim-1944, Skingen) mei typysk dichterlik neamd wurde. Hy hie al ier in Hollânsk bondeltsje útjown, mar bigoun as studint Frysk to skriuwen. Syn samlinkje Jiergong (1936) skaeit fan tinkwize en idioom frijhwat nei de Jongfryske kant út; it wurk sit net folle hâldfêst oan en forrifelt jin gau; sá trochgean, hied er o sa maklik, en dus net maklik, kinnen. Syn oersetting fan it forneamde forheljende fers fan de Ingelskman S.T. Coleridge, Ballade fen d'âld Matroas (1935), hat inkelde fortsjinsten, mar, bigryplikerwize, ek greate tokoartkommingen. De forskining fan Lunchroom (1936) fan Johannes Doedes de Jong (1912, Aldtsjerk) wie hwat nijs en brocht hwat fan in forrassing. Technysk like dizze poëzij tige swak, der siet in nuodlike foarmleazens yn, mar hja wie fan in sterke ynspiraesje en suggestive sfear; de driging fan krisis en kommende oarloch hat hjir it dúdlikst to fornimmen west. Wjerstân of libbenskrêft toande dit wurk net; wol nerveuze ûnrêst, eangst, iensumheit, deadsforwachting. Inkelde fersen (Deadefeart, Don Quichotte) rounen der yn de ferseproduksje fan dy tiid fier út. It bondeltsje hie hwat fan de wylde skreau fan in jong libben, dy't yn de nacht opklonk en doe forgoed forklonk. Ut Waerglês (1938) fan Jan Piebenga (1910, Frjentsjer) wie skoan op to meitsjen, dat de dichter nocht oan it fers, fornoeging yn de natuer en hertstocht nei de fierte hie. Typysk wurk fan de jonkheit wie it: earder iepen, spontaen en direkt, as ynbannich en forskûle; earder romantyske gefoelsútstoarting, as forstânlike opbou; earder rhetoarysk, as saeklik of fyn-symbolysk. Hoewol grif net alderearst in lyrysk talint, wie hy net frjemd oan muzikaliteit. De samling bifette wakker ûngelyksoartich wurk en hie hwat fan in iepen deiboek. Piebenga syn lettere fersen bliuwe yn itselde spoar, mar tsjutte wol op mear forfining en foarmkrêft. De fersen fan Sytse Jans van der Molen (1912, Ljouwert), sammele yn it bondeltsje Utsjuch (1938), lykje op flotte notysjes, redsum en gefoelich mar sûnder folle djipte delskreaun. Forskaet fan fersfoarm en oarspronklike bylding ûntbrekke, mar de dichter hat in skerp each en in greate leafde foar de wrâld om him hinne. De ynhâld liket gauris ‘modern’, mar is it net; yn alle gefallen mist hjir it bitsjoenende aroma fan Johannes de Jong syn moderniteit. It docht jin gjin nij, dat er him letter ta in tûk en bitûft skriuwer fan kabaretfersen ûntjown hat. De lêste fan de acht, dy't sels bondele hat, is Ype Poortinga (1910, Rinsumageast). Fan tael en bylding komt er yn syn samlinkje Sinneblink (1941) Tamminga soms op 'e side, yn folksaerdigens fan toan is er him ek net hielendal wanlyk, mar yn masterskip oer it fers bliuwt er fier by him efter. Gjin dichterlik poeha, gjin oerdied fan wurden, gjin | |
[pagina 266]
| |
oerdreaune, mar earder in sobere, ynbannige utering, in ynlike, sterkbihearske gefoelichheit foar sfear en stimming. Sawol yn de balladen as yn de oersettingen wit de dichter him op bysûndere wize to objektivearjen. Soe hy net de man wêze om eigen Fryske tsjerkelieten to skriuwen, om it de kant fan de epyk út to sykjen? De fersen fan Nyckle J. Haisma (1907, Ie-1943, Tjilatjap) binne nea bondele; greate poëzij sit dêr ek net by, mar wol binne hja karakteristyk, ûnmisber foar dy't it wiere byld fan de skriuwer ûntdekke wol. Hja hawwe eins mar ien thema: in alles trochkrûpende ûnwennichheit, de wémoed fan de joun en fan de stjerrende hjerst. De skrouske winen waeije oer in skier en iensum lân en de minske wit net hwer't er keare moat. It eigen hert langet, mar it fynt oan it hert fan Fryslân gjin duorjende rêst. Yn breklike foarmjowing en hast ientoanige herhelling jowt Haisma dochs in oertsjûgjende fisy: dy fan de suver demonyske natuer, fan de opjage minske, fan de barmhertichheit fan it heitehûs. Amper in byld fan de yn wêzen suvere dichter, dy't Yke Reinders Boarnstra wie (1907, Nyegea Sm.-1943, Grins), jowt it hantsjefol fersen, dat opnommen is yn de bondel neilitten literair wurk, Waeksen Ark (1945). It is net sein, dat er folle mear jown hawwe soe, as syn waerm en myld libben net sa jong ôfbrutsen wie; as it om it fers gyng, hipte it by him tige nau, kenner en minner fan Rilke as er wie. Gjin folslein portret, wol in skets mei inkelde skerpe trekken is dit byld. De lêzer fan hwat er oer Gysbert Japiks, Fedde Schurer en Pyt van der Burg skreaun hat, sil him al wer better kenne. Hy sil ek treurje; hwerom moast Fryslân nei de oarloch it sûnder dizze fine geast dwaen? | |
5. Oare fiifentritigers (proaza)Doe't yn 1935 de tsjokke forhalebondel Lok en Lijen forskynd wie, wurk fan B.R.S. Pollema, dy't as Bokke Simens en Hylke Sjonger foar en nei 1915 gâns midsmjittige fersen jown hie, - berne 1883, - kaem dêr forset tsjin. It wurk wie earder âlderwetsk as modern fan styl en sentimint, mar it brocht wol hwat fan de rûge moderne wrâld yn Fryslân. De skriuwer hie ommers net de strange houliksopfetting jown, sa't dy altyd yn de Fryske skriften hearske hie; de anti-puriteinske ynfloed fan de nijere literatuer wied er net oan ûntkommen en dat nimt in ethysk oanlein folk as it Fryske net samar. De tapassing fan it ‘Fryslân en de wrâld’ brocht blykber syn biswieren mei. Mar Kiestra hie yn syn novelle Mascotte ek al bod jown oan in modern realisme: dêr waerd fan it doarpslibben alles oars as de wenstige idylle yn skildere; | |
[pagina 267]
| |
dêr, en binammen yn Kiestra syn De frouljue fen de fetweider (1939), kaem it al effen djipper en wreder oan. Ferge de natuer har rjochten dan tsjin de opleine leare yn? De sfear fan Marten Baersma syn proaza wie hjir wol tige fier to sykjen. Dat der yn dizze tiden hwat oan it foroarjen wie, die bliken út it wurk fan ien út in hiel oare hoeke: Watse Cuperus (1891, Blija). Ofkomstich út lânwrottersformidden, bihearrend ta de grifformearden fan de hege klaei, is er dy sfear uterlik en ynderlik trou bleaun. Fierwei as it yn Fryslân altyd komme moat, waerd er earst op syn fjirtichste jier iepenbier skriuwer. Under de skûlnamme Bauke fen Skeanebûrren forskynden yn 1933 twa fikse forhalen: Skeanebûrster folkslibben. Doe wie it los; earst in pear feuilletons yn it Frysk Deiblêd en dêrop it greate wurk De Gouden Tried (trije dielen, 1941-'42, 1957). In waerm kristlik leauwe, in sterke sosiale ynslach, gâns romte foar it sentimint, in stean nêst allegearre dy't yn earmelytse sitte, dat sprekt út dit boek, dat by in strakker bou en bylding in romanepos wêze kinnen hie. In berneboek as Oarreheite pet (1936), in kronyk as Lânstoarm XI (1937), hiene ljocht en skaed fan Cuperus syn wurk al oantoand: in goed forteltalint en greate kennis fan it folkslibben, mar ek to min distânsje en tofolle sentimentélens. Dy tokoarten fordwounen stadichoan hwat yn it lettere wurk: Oarreheite Erfskip (1943), De Pipegael (1947), Doeke Daan (1948). Syn bêst wurk hat Cuperus oant nou ta jown yn Swart mar leaflik (1949), wylst Hoeder en skiep (1955) dêr ticht oan ta komt. Hy bigjint nei de djipte ôf to stekken, lit de morael mear gewurde, jowt humor en libbensblidens in tikje mear earmslach en hevet syn figueren boppe de smelle omkrite fan har bistean út. Ek Abe Brouwer (1901, Burgumerheide) koe fan bern ôf oan gjin maklik paed lâns en sels hat er syn wei sykje moatten. Doe't er ienkear de guit hie, nei 1930 sahwat, waerd er warber as ien: gâns in rige toanielstikken, in berneboek (Siderius de Granaet), journalistyk wurk, in bondeltsje fersen, dêr't men it bêste oer swije kin (Klinkerts, 1941) en forskate romans. De Gouden Swipe (1941) makke Brouwer ynienen ta in populair skriuwer, - it boek is yn fjouwer talen oerset, - dêr't de oarlochstiid ek ta meiholpen hat. De literaire krityk wie der minder wiis mei as it folk; yn elk gefal kin sein wurde, dat de skriuwer himsels hielendal en sûnder folle selskrityk yn dit boek jown hat. Marijke (1943) is as roman grif better, mar lit Brouwer syn tokoartkommingen jit to dúdlik sjen. Yn syn letter wurk, - Tusken dea en libben, 1946; De Nijboer fan Lycklamastate, 1947; Syn greate kammeraet, 1949; Trou, in novelle, 1949; De Sânduvel; De Stoarm, jit net yn boekfoarm, - is sawol op- as delgong to fornimmen. Brouwer hat skriuwersmoed, hy hat ek in boadskip, hy kin fortelle, mar hy is to wif | |
[pagina 268]
| |
en to wippelich en lit it gefoel tofolle baes, mei as gefolch gauris in poarsje melodramatyk. Ulbe van Houten (1904, Boksum; arbeidersjonge, nou ûnderwizer) is folle wisser en finer, hat mear stylbihearsking en mei sadwaende earder fakman hjitte. Hy bigjint ek al ryklik let to skriuwen en ta in greate produksje as Cuperus en Brouwer bringt er it net; dêr is er ek to sinnich en to stadich ta; hwat er út hannen jowt, is fan alle kanten bisjoen, omwurke en bislipe. Yn de tritiger jierren hat er op oantrún fan E.B. Folkertsma sketsen en novellen publisearre, - in bêst stael is De Wraek (1937); treflik wurk is ek sammele yn De rook fen it lân (1943), dat tige nedich wer útjown wurde moat; goed fan styl, mar minder fan komposysje is Ein fan 'e Mars (1945), dat yn 1941 net forskine mocht, - en doe is er ek kommen ta syn earst en iennichst folslein boek: De Sûnde fen Haitse Holwerda (1938). Skreaun yn pûrbêst Frysk, fyn en skerp fan psychology, great yn de werjefte fan it godstsjinstige libben, - yn de Fryske literatuer nei Gysbert Japiks en Salverda ornaris oan de krapperein kommen, - sterk fan humor en minsklikheit, bliuwt it ien fan de bêste boeken, dy't ea yn it Frysk skreaun binne. Dochs is Van Houten syn libbenswurk ‘De Hillige Histoarje, forteld oan it Fryske folk’ (1949-'53). Twa mânske dielen, dêr't de bibelske skiednis mei sa'n earbied, kennis, biskiedenheit, styl en sfear yn werjown is, dat bern en âlderein beide der tige folle oan hawwe kinne. As yn elke Fryske húshâlding dit kostlike boek ris op de skoarstienmantel lei en trou brûkt waerd! Doe't Paulus Akkerman (1908, Boarn; bakker) syn earst boek útjoech, As de bern great wurde (1936, skûlnamme Paul fen Nijenborn), wie net to sizzen oft der in wier romanskriuwer yn him siet. Al gau lykwols bigoun er him to ûntjaen: De erven fan Freark Jabiks Hindrikje (1941), letter mei in twade diel der by ûnder de titel Freark Jabiks Folk útjown, hie genôch fine tekening en earlik realisme yn him, dat der foarsichtich fan in oare Brolsma praet wurde koe. De Soargeleaze (1943) levere ek it biwiis, dat Akkerman it folkslibben mei skerpe en dochs mylde eagen en mei humor obstrevearre hie. Stadichoan joech dizze skriuwer him ta in breder opset: fan skets en forhael, oer de novelle, nei de roman. Hessel Ypma (1949); Wankend Ljocht (1950); De maitiid fan it libben (1954); In man allinne (1956), foarmje in rige dy't der wêze mei. Hy jowt almeast biskriuwings- en typearringskunst, siket it net yn yntrige of sensaesje, mar yn de skerpe trekjes. Giet it yn de earste boeken binammen om arbeiders, koumelkers, boeren, skippers en nearingdwaenden, njonkenlytsen falle ek oare libbensrounten ûnder syn oandacht. Smout, earlik, fyntsjes jowt er syn minsken wer, minder sentimenteel as Cuperus en Brouwer en net altyd sa op de man ôf as | |
[pagina 269]
| |
NYCKLE J. HAISMA
| |
[pagina 270]
| |
Brolsma, mar mei mear omtinken as de lêste foar it godstsjinstige. It dramatyske mijt Akkerman ornaris safolle mooglik; it kin forstannich wêze, mar nimt ek in biskate djipgong wei. Nyckle J. Haisma (1907-1943) is mear skriuwer as dichter; syn poëzij is in oanfolling op, mar ek in kondensaesje fan syn proaza. Lyk as Cuperus, Van Houten en Akkerman is er fan grifformeard komôf, mar de religieuze problematyk moat by him wike foar de horizontale frage: thúsbliuwe of de wrâld yn? Sels socht er de fiere kimen: hy waerd ûnderwizer yn Nederlânsk East-Ynje, it lân dêr't er hast likefolle fan hâldde as fan Fryslân en dêr't er ûnder de Japanske bisetting syn ein foun hat. Swalkersdrift en skriuwersdrift foelen al ier yn him gear. Bigoun mei in jongesboek, Simmerdagen (1930), kaem er yn 1934 mei in oar jongesboek, De Kar, dat likefolle of mear foar âlderen skreaun is en dat de sfear fan noardlik Fryslân, om Dokkum hinne, treflik tekenet. Frucht fan syn earste Yndyske jierren wiene de sketsen, dy't sammele binne yn Suderkrús (1938); yn wêzen romantysk wurk, fol leafde foar de balling, de man sûnder thús, de outcast. It is by Haisma it ivige thema, wol omspile mei modulaesjes, mar hyltyd weromkommend en him opkringend as in obsessy. De beide romans, Paed oer it Hiem (1937) en Paed nei eigen Hoarnleger (1940), letter gearbrocht yn ien diel, Peke Donia, de koloniael, jowe de útbylding fan in swalker, dy't it de earste kear mislearret, mar de twade kear dochs mei muoite slagget him op it Fryske plattelân del to jaen. De novelle Simmer (1948) hat it ek al oer in wylde bruijer dy't syn doarpke efter Dokkum foar in skoftsje opsiket. It Lân Forline (1951), greate novelle of lytse roman, hat hwat in oare sfear, mar bringt yn wêzen neat oars: ‘Hwa't fier fan Fryslân teach op tsjust're wegen... de ivige ûnrêst is him bleaun.’ Der binne party oare proazaskriuwers, dy't mear of minder goed wurk levere hawwe: Hoatse de Jong (Op Wyldskar; Hester Holkema); Sjoerd van der Schaaf (Abbingawâld); Gerrit Mulder (In frou tofolle); Hein F. Faber (Ofgeand tij); Goaitsen Burgy (Biritsen Fjûr; Herman de Streuper; Tusken Boarn en Tsjonger); Jant Visser-Bakker (mearkes, berneboeken); S.P. Akkerman (In swalker komt thús; dizze broer fan Paulus Akkerman en soan fan de kristlike folksskriuwer O.S. Akkerman, hat letter gâns Hollânske romans skreaun), e.o. De fraech nei Fryske romans, dy't yn de earste oarlochsjierren ûntstien is, hat gâns greater mooglikheden foar de produksje skepen. Dat is winst, dêr't ek net sunich fan profitearre is. De skaedkant kin wêze, dat der tofolle oan 'e merk komt, dat ûnder oare omstannichheden net printe wurde soe. Ien en oar hat de lêste jierren de âlde diskusje oer de forhâlding fan literatuer en folkslektuer wer geande makke; de ein fan dy diskusje | |
[pagina 271]
| |
is lykwols net to sjen, om't de grinzen en noarmen fan de literatuer min oan to jaen binne. Oan kritysk en skôgjend proaza is der troch de fiifentritigers net safolle jown. Neamd moat hjir wurde Jan Melles van der Goot (1903, Sûndel-1940, It Fean; boeresoan en kandidaet-notaris), dy't tusken 1930-'40 gâns skreaun hat op it gebiet fan agraryske en algemien-politike fraechstikken, fan de Fryske biweging, it Fryske folkskarakter, ensfh. Under ynfloed fan Dútske theoryen gyng er stadichoan hielendal de naturalistyske en faksistyske kant op en seach er it kristlik leauwe en de kristlike ethyk as in great gefaer foar it Fryske folkslibben; (foarnaemste wurken: Fornijing fan ús biskaving, 1937; Libbensleare for de Fryske nasjonalist, 1937). Ien, dy't yn syn kultuerkritysk wurk lyk foar him oer stie, wie Jan Piebenga (1910, Frjentsjer), - skriuwer fan de proazasketsen It wrede libben (1934), forsoarger fan ûnderwiis-útjeften, û.o. trije dieltsjes Frysk Lêsboek, oersetter fan inkelde Yslânske saga's, û.o. Hrafnkel, prester fan Frey (1939), - dy't, njonken gâns apologetysk en polémysk proaza op it gebiet fan de Fryske biweging, ek syn bydragen op literair-histoarysk en literair-kritysk terrein jown hat, (Omgong en Trochtocht, 1957; in bondel essayistysk proaza). | |
6. ToanielskriuwerijGjin fuortsetting fan it Jongfrysk Toaniel fan it bigjin fan de tweintiger jierren wie it Nijfrysk Toaniel, dat tsien jier letter mei hwat goeds bisocht to kommen; dochs siet efter beide in idealistysk stribjen nei fornijing. It Nijfrysk Toaniel die it earst fral mei stikken fan J.P. Wiersma, (Wiggle Noardman; De wyld fan Hotsinga-state); wol in hichtepunt waerd birikt mei dy syn stik Om it heechste (1932), dat inkelde episoden werjowt út it libben fan de Balkster fine mennisten om 1848 hinne, de tiid doe't dizze fromme kristenen nei Amearika emigrearje moasten, omdat hja gjin wapens drage woene. Letter waerden gauris inkelde stikken fan Evert Zandstra spile; fral Friso (1935) waerd doedestiids tige fan sprutsen; It wiif fen Healwei (1936) fan deselde foel der sa goed net yn. Yn de jierren flak foar de oarloch waerden meast brocht Pake (1925) en Beits (1937) fan O. Veenstra, wylst ek De Nôtharne fan R. Brolsma in kearmannich op de planken kaem. Fan Wiersma, dy't ek tige warber west hat op it gebiet fan revue's en iepenloftspullen, wie de tekst fan de earste greate Fryske sjongspullen Roaitske en Wylgesyske, beide mei sang- en orkestmuzyk fan Jan Slofstra; foar it trêdde sjongspul, De Jonkerboer, levere Ype | |
[pagina 272]
| |
Poortinga de tekst mei motiven fan dr. Eeltsje Halbertsma, wylst Paulus Folkertsma foar de muzyk soarge hat. It bliuwt in griis, dat de goede tradysje dy't doe yn it ûntstean wie, om jildlike redenen net fuortset wurde koe. Njonken it Nijfrysk Toaniel kaem ek tige nei foaren it Lyts Frysk Toaniel fan Barend en Martsje, dat allinnich eigen stikken fan Barend, meast mei in sosiael-ethyske strekking, spile hat. Folkstoaniel fan nijmakke-âld soarte brocht Abe Brouwer, dy't yn de tritiger jierren op syn minst in tsien stikken jown hat. Ien as A. Meester-de Vries koe it yn dy tiid wol ta trettsjin stikken bringe. Ek de stikken fan G. Burgy (Hirde koppen) hiene sukses; hy hat ek iepenloftstikken skreaun. Yme C. Schuitmaker hat ek yn dizze tiid wol elk jier sahwat syn stik skreaun, mar de perioade dat hy mei Canne it Frysk toaniel bihearske, wie forgoed foarby. | |
7. Nei-oarlochske ûntjowingSa'n yngripend histoarysk barren as de twade wrâldoarloch koe net sûnder in djippe ynfloed op it literaire wurk fan de jongste generaesje bliuwe. Fan optimisme en idealisme yn de sin fan nei 1918, wie nou net folle mear to fornimmen; earder fan forsleinens, wrok, sarkasme; as der ien ding toloarsteld hie, dan ommers wol de humaniteit. Dochs waerd der yn Fryslân mei nije moed en ek wol mei nije krêften bigoun. It tydskrift De Tsjerne, dat bigjin 1946 it libben seach, wie in weardich sammelplak fan Frysk literair libben en stribbe fan 'e miet ôf oan nei in heech peil; it jaen fan lieding wie syn sterkste punt net en men kin ek min sizze, dat it blêd oan nou ta in rjochting of streaming of -isme fortsjintwurdige hat. Dat like wol it gefal to wêzen mei it tydskrift fan de jongste jongerein, De Golle, dat letter yn Quatrebras omdoopt is, mar it iennichst liedend bigjinsel dêrre hie tofolle fan de chaos om dúdlik wêze to kinnen; it blêd koe it net lang hâlde. De man dy't ûnder de neioarlochske jongerein it measte to sizzen hie en it ek die, wie Anne Wadman (1919, Langwar; learaer to Snits). Ien dy't it in nocht is op it fjild fan de letteren to tugen, op fjouweren bislein en yn alle silen mak. Nei in fikse oanrin set er yn 1946 útein mei in pear bondeltsjes fersen (Fan tsien wâllen; Op koart front), komt in pear jier letter mei net sa'n bêste roman (Fioele en faem, 1948) en mei in knappe novelle (Reedridder, 1949), lit Hollân sjen dat der yn Fryslân literair ek hwat to rêdden is (Frieslands Dichters, 1949, mei brede, fornimstige en fan kundichheit tsjûgjende ynlieding), sammelt syn essays yn in oannimlike bondel (Kritysk Konfoai, 1951) en makket in | |
[pagina 273]
| |
Dr. ANNE WADMAN
| |
[pagina 274]
| |
proefskrift klear, dat in foarbyld hjitte mei fan dreech, sekuer en geduldich wittenskiplik wurkjen (Hjerre Gjerrits van der Veen, 1955). Undertusken kin er de tiid fine foar in feuilleton (In Knypeachje fan Fortuna) en foar skôgingen fan sahwat alles hwat der op Frysk gebiet forskynt. Gjin niget, dat er, as de jongste yn de rige, oan bar foar de Gysbert Japicxpriis kommen is. It sil elk fan syn lêzers opfalle, dat gjinien fan de jongere Fryske skriuwers sa sterk ûnder de Hollânske ynfloed (Menno ter Braak c.s.) stiet as hy. Tinkwize, styl, taelgebrûk, skaeije binammen yn de earste jierren dy kant ek slim út; Wadman bisûndiget him dan net minder oan it moade-jargon as Kalma yn syn tiid, - hwat ek yn de reden leit by ien, dy't sa oerbiwust en yntellektualistysk en winlik ek analytysk skriuwt. Oft it dichterskip foar him wol langer as in blaumoandei duorje, mear as in griene rite wêze kin, stiet tige yn de kiif. Hy sil him wol meast de kritysk-essayistyske kant út ûntjaen. As in apart en soms útsûnderlik dichter hat him Sjoerd Spanninga bitoand (skûlnamme fan Johannes Dykstra, 1906, De Jouwer). Syn beide bondels (Spegelskrift, 1949; Núnders, 1950) binne sa tige fan eigen soarte, dat hwat oerskatting wol to forklearjen is. Hy hat syn thema's wech-en-de-wear weihelle, hat in foarkar foar eksotyske sfearen en doar maklik de alderdrystste byldspraken oan. Sa wiid syn dichterlik eachweid liket, sa smel is syn dichterlike toanljedder; hy hat him yn dizze twa bondels al útskreaun, mar kin der licht jit tsien sokke op folgje litte. Dat Spanninga, solist by útstek, syn hast monomane partij yn it Fryske dichterkoar bigoun is mei to sjongen, mei lykwols as in oanwinst foar de mearstimmichheit jilde. Garmant Nico Visser (1910, Jiskenhuzen; nou Den Haech) hat yn it lytse mar typyske bondeltsje Jolm (1948) ek alles al sein dat er to sizzen hie: it is wurk fan ien sûnder hokfoar wissichheden, dy't him as lêste taflecht mei in suver religieuze hertstocht oan Fryslân fêst-klammet, salang oant er sjocht dat ek syn Fryslân mar in eigenmakke ôfgod en in yllúzje is. It boekje koe in biwiis fan dichterlike eksploitaesje fan in forfaltiid hjitte; hoewol hielendal yn tradisionele fersfoarmen skreaun, is it yn wêzen gâns moderner as hiel hwat eksperimentele poëzij. Marten Sikkema (skûlnamme fan Govert Meerburg, 1918, Utert; nou to Ljouwert) is as dichter folle produktiver as Visser of as hwa ek fan syn maten, mar ek minder persoanlik. Hy skriuwt in maklik fers, yn biwende foarmen, mear biskriuwend as bilidend, mear yn 'e breedte as yn 'e djipte; as oersetter (Noarderljocht, 1953, Sweedske poëzij; Oscar Wilde, De Ballade fan Reading Goal, 1953) en biwurker fan folkslieten is er dan ek hiel hwat mânsk. Syn trije bondels (Stjerrerein, 1946; Swart en wyt, 1946; Skaedbylden, 1951) hawwe mar in | |
[pagina 275]
| |
bytsje hichte- of lichtepunten. De skriuwer Sikkema soe him op 'en dûr wolris better útsprekke kinne yn syn koarte forhalen (De Slach forlern, 1954) as yn syn fersen. As dichter yn folle in tsjinstelling fan Sikkema, is Freark Dam (1924, Ketlik; nou to Drachten). Syn iennichst bondeltsje (Under fjouwer eagen, 1946) wiist op in tear, gefoelich, oantaestber dichterskip, dat dochs net weak of froulik is; fierdere produksje sil útwize moatte, oft dit fine talint wol tsjin de tiid bistân wêze sil. Dat Dam net allinne lyrikus is, hat er knap en oertsjûgjend biwiisd mei syn Rjochtdei, in boartlik rymstik (1953) en mei syn treflik oarlochsstik ‘Dat wie doe’. It aldermodernste dichterskip liket yn Fryslân syn yntré to dwaen mei Matten Brouwer (Blauwe riten, 1952) en Jan Wybenga (Amoeben, 1954). Net, dat dizze nije mannen it mier hawwe oan haedletters, stippen en skrapkes, of dat hja sa graech frjemde wurden yn har fersen bihelje, of dat hja de rigels fan de fersleare oan 'e kant smite, is typysk-modern; dat is earder de osmose fan yntellekt en ynstinkt, de kultus fan de religy fan dizze aera: de sekse, it totale isolemint fan it yndividu, de fiksaesje fan it ego yn it biologysk minimum... Foar harren, oars as foar Visser, is Fryslân op syn heechst in moaije wolk oan it himelforwulft, dy't efkes bliuwt en dan tel fordriuwt. Der binne ek oaren. Reimer W. van Tuinen, dy't syn oarlochs-ûnderfiningen op earlike en trochtaestende wize fan him ôfskreaun hat yn de proazawurkjes Efter it tried (1946) en Forgetten post (1949), jowt yn syn bondeltsje Read en grien (1951) like earlike erotyske poëzij. Oan de needsaek fan Klaes Dykstra syn fersen (Untwyk, 1950) is sa gau net to leauwen; hja binne almeast glêd en tradisioneel; de drift en it rhythme fan Van Tuinen sil men der omdôch yn sykje. Tsjits Peanstra (skûlnamme fan Tsjits Nauta) is yn har poëzij, bondele yn Underweis (1955), jit net sterk, mar hja doar, hast oan it seardwaen ta, harsels to jaen; net de krêft fan Simke Kloosterman en fan Rixt hat hja yn har froulike bilidenis, mar wol in lûd dat tige oansprekt. Folksaerdich wurk fan in goed soarte hawwe jown Kees Jongsma (Boer en dichter, 1946; Under it ûleboerd, 1949) en Aldert Deelstra (Tuorrebouten, 1946); it forskynsel, dat nei in iere bondeling de produksje ynienen stilstiet, liket him ek by dizze mannen foar to dwaen. It dichtwurk fan Wybren Altena en Geart Jonkman sil earst hifke wurde kinne, as it skifte en gearbrocht is; dat beide dichterlik talint hawwe, is sa wis as de bank. It wurk fan Jan Eisenga (1908, Koartsweagen-1943, troch de Dútskers deasketten) hat gjin great formaet; it is gelegenheitswurk, mei to hea en to gers in suver dichterlik lûd, mar altyd tsjûgenis fan in waerm, warber en idealistysk minske; syn | |
[pagina 276]
| |
neilitten wurk is yn 1948 bondele. In dichter is grif Dam Jaarsma, mar dan ien dy't syn kinnen oerspand hat; syn toanaerd is suver Jongfrysk, alteast Kalmiaensk, en dan wit men nea fêst oft men mei handichheit of ynspiraesje to meitsjen hat. Yn in bondel as It Skriuwboerd (1956) falt it fuort op, hoe't it libben forfolklorisearre en forpoëtisearre wurdt; dochs sitte der aerdige ferskes by en goede rigels yn. Forskate dichters en skriuwers hawwe nei de oarloch ek oer it kabaretliet gear west. Sûnder dat der daliks in eigen foarm foun is en de hiele produksje op like heech peil stiet, is der dochs al folle goeds birikt. (Bondels: In Skelfink yn 'e Boekebeam, 1951; Sa song Tetman, 1954; De Bûnte Akster, 1954). | |
8. Nei-oarlochske ûntjowing (forfolch)It is alderminst sa, dat yn de eigentiidske Fryske literatuer alles op de lyryk set wurdt. Mear as ien jong skriuwer (Wadman, Sikkema, Jonkman, Van Tuinen) set syn proaza nêst de poëzij en it moat jit bliken dwaen, hwer't inkelden it op 'en dûr suver allinne sykje sille. De proazaskriuwers fan natueren binne der ek. Liuwe Brolsma (1912, Lichtaerd, soan fan Reinder Brolsma; nou to Grou), mei dan wol net sa'n natuertalint wêze as syn heit, talint hat er. It skynde amper troch yn it sketsebondeltsje Om ús hinne (1940), mar kaem klear oan it ljocht yn Dy twa fan Warten (1942). Greater wurk as Tjitte Winia (1941) en De tocht fan de Salamander (1948) koe net altyd en alhiel oertsjûgje, mar de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân (1946) die dat wol wer hielendal. De tael, de psychologyske typearring en de humor kin er jit net alles mei wurde. Ut syn debút as prozaïst, de greate skets Noedlik Doel (1937), wie op to meitsjen dat Ype Poortinga in goed forteller wie en syn tael knap yn 'e macht hie, wylst er ek oer genôch ‘eftergroun’ biskikke koe. Syn histoaryske roman Elbrich (twa dielen, 1947-'49) is wer fan in oar soarte as it niisneamde Stoarm oer Fryslân; it is foar alles in forantwurde wurkstik, net altyd like meinimmend, mar goed trochtocht en opboud. Mear feart, hertstocht en fantasij, minder wissens en witnis, hat Ypk fan der Fear (1908; skriuwstersnamme fan Lipkje Post-Beuckens, Gaesterlanner, nou húsfrou to Feanwâlden en ûnderwizeres). Fuort al yn it sketsebondeltsje Utskot (1943) toande hja moed; net faek wie de proletaryske forwurding fan in groep minsken yn it Frysk sa realistysk biskreaun as hjir. In novelle as Ik en Menhear (1952), hwat mear bislipe en bidien, kaem dêr net iens fier boppe út. Har greate | |
[pagina 277]
| |
roman Ta him dyn bigearte (1949) jowt in felle forbylding fan it Gaesterlânske folksaerd; de histoaryske roman De Breugeman komt (1953) is skerp fan tekening, waerm fan sfear en tsjûget fan in goed ynlibjen yn de earste reformaesjetiid. Mear as in bysûnder ûnthjit hat de jongste prozaïst Piter Terpstra jown mei syn greate roman Fjouwer minsken yn in stêd (1956), in boek dat grif boppe syn oan nou ta yn it Hollânsk forskynde romans útwiist. In apart talint, dêr't lykwols net fan to sizzen fait, oft en hoe't him dat ûntjaen sil, bisitte sûnder mis ek Geart Jonkman (Frjemde epistels, novellen, 1951; Li Fu en oare forhalen, 1954) en Jo Smit (Sûnder sûker, 1956). By Ria Postma-Stolk (Fiif minuten is to lang, 1956) bliuwt it fraechteken hwat langer stean; ek J.P. Wiersma, mei syn greate roman Lyoeske (1953) jildt dat foar; it boek hat, by syn fortsjinsten, faek mear fan in bitinksel as fan in needsaeklike berte. It Fryske proaza libbet, ek al is it mear yn de flakte as op de berchtoppen. As it Fryske folk him der oan went de boeken fan syn eigen skriuwers to keapjen en to lêzen, sille de skriuwers it skeppingsproses net tsjinkeare en kinne de útjowers dat proses bifoarderje. Geast en stof steane ek yn de literatuer net los fan inoar. In winst fan de nei-oarlochske jierren is ek, dat it Frysk folle mear as plichte foar journalistyk en wittenskiplik wurk brûkt wurdt. Gjin lytser winst is, dat it orthodokse en roomske folk him mear as foar de oarloch iepensteld hat foar it Frysk toaniel en dat de skriuwers der ek binne dy't foar gaedlik wurk soargje (Y. Poortinga, F. Schurer, Thys Polstra, W. Cuperus, P. Akkerman en Ypk fan der Fear; by de roomsken Simke de Haan). It Fryske toaniel yn it algemien hat gjin bysûndere fornijing bilibbe; Abe Brouwer en Hein Cats binne neffens har aerd trochgien, Barend van der Veen hat inkele hichtepunten birikt en Douwe Kalma hat him in jiermannich nei it folkstoaniel bijown (Fete; Hûs op sân; Fokke Hoara, ensfh.) In nije namme op dit gebiet is ek Piter Terpstra, dy't al mear as ien goed stik levere hat. Fan Wadman en Tamminga moat jit bliken dwaen, ynhoefier har toanielwurk mear as in tydlik eksperiment is. De Fryske literatuer libbet; dat hja net altyd bloeit is licht to forwachtsjen yn in lân, hwer't de biblomme mieden mar in wikemannich yn it jier pronkje; hwer't, en dat is gâns slimmer, folle middelskoallen deftich beare as bistiet hja net iens. Mei folk en libben foarmet dy literatuer jit altyd in hechte ienheit; gjin skriuwer dy't him net ynlik oan dit syn Fryslân forboun fielt, dy't it net ynmoed is mei syn hope en forwachting. De mystike ienheit fan Fryske biweging en Fryske skriftekennisse kin op straffe fan ôfstjerte net forbrutsen wurde. As it Frysk yn de stoarmweach fan de tiid weispield wurdt, forstommet | |
[pagina 278]
| |
alle dichting. De freze wurdt greater, it leauwe djipper. De kunst mei har hjirre ek autonoom fiele, hja tsjinnet de Natio Frisica. | |
Neisjen:1. Foar it hiele haedstik: Wadman, Frieslands Dichters. Prof. dr. J.H. Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur. E. Howard Harris, The Literature of Friesland. 3. Oer D.A. Tamminga: Fokke Sierksma yn Frysk Jierboek 1946, s. 184-212. 4. Oer A.R. Scholten: Wadman, De Tsjerne 1946, s. 163. Oer Y.R. Boarnstra: sjoch ynlieding ensfh. yn Waeksen Ark. 5. Oer Nyckle Haisma: Stúdzje fan dr. C. Kramer efteryn It Lân Forline; ynlieding fan J. Piebenga by Suderkrús, 2de pr.; ‘Ter begeleiding’ fan D.A. Tamminga by de Hollânske fortaling fan Suderkrús. Oer Jan Melles van der Goot: Striidblêd It Fryske Folk, 20 aug. 1940. |
|