Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 229]
| |
1. Algemien oersjochYn it foarige haedstik die it al bliken, dat der har yn de Fryske striid en literatuer nei 1900 frijhwat libben en talint oppenearren, mar dat it dochs ûntbriek oan in fêst bistek, oan klearrichheit fan lieding en oan in mienskiplik wollen. Elk wurke mar hwat foar himsels en fan krityk hie gjinien lêst, hwant dy wie der suver net. Gjinien hie ek oanstriid of seach kâns it navenant frij greate forskaet fan lûden, dat yn Fryslân heard waerd, yn sterke bihearsking ta in rike ienheit to foarmjen. Ds. Sipke Huismans hat grif hwat fan de profétyske fisy yn him, mar tagelyk is er ek tofolle pessimist om ta de died, in great program en in brede aksje, to kommen; yn 1914 easket er it preekjen yn it Frysk en in Akademy fan Fryske Wittenskip, twa skoandere saken, mar hy nimt sels net de foarstap. Datselde jiers 1914 makket it Frysk Selskip plannen foar de útjefte fan in wykblêd en wurdt der ôfpraet, in fikse ‘Paedwizer yn de Fryske Skriften’ gear to stallen; meiïens sil der dan ek in blomlêzing fan drege stikken proaza en poëzij útjown wurde. It wurk draeit lykwols mar foar inkelden op; der is fierstofolle pielderij, leafhawwerij, persoanlik geiggewear, mar fierstomin hertstocht, langst nei greatens, réëns ta striid. Hof hat foar dat oerstadige letter wol ien fan de bilangrykste oarsaken oanjown: it kaem binammen fuort út it wêzen fan de ‘bourgeois satisfait’, dat it liberalisme fan dy dagen him oaneigene hie; dat liberalisme ‘libbe noch yn de forbylding, dat it it hûs allinne hie, it die it him mei alles skoan oantiid; der wiene ommers dôch gjin oare libbensskôgingen dy't meitelden, as it op dwaen oankaem’. (Fjirtich Jier Taelstriid, I, 351). Waling Dykstra is wei, de 19de ieu komt nou ek geastlik oan har ein, de wrâldoarloch sil gâns wissichheden oan de kant reagje. De tiid liket ek yn Fryslân ryp foar in nij bigjin: de Bibeloersetting en de psalmbiriming wurde nou, likegoed as it Frysk ûnderwiis, as in libbensbilang field; de taelstriid komt op breder grounslaggen to stean; de utering wurdt frijer. Bigjin 1913 forskine yn Forjit my net de earste suvere minnelieten fan Rixt en oardeljier letter komme Rinke Tolman en Rintsje Sybesma yn Sljucht en Rjucht mei har earste fersen foar it ljocht; dy jongkeardels skrieme ek al yn it iepenbier ‘om teare, jong tobritsene blommen’, dat de âlderein kin har mei rjocht ôffreegje, | |
[pagina 230]
| |
hwer't sa de Fryske ynbannigens langer bliuwt. Yn it lêst fan 1914 forskynt der oan it Fryske firmamint ynienen in nije stjer. In namme, dy't in revolúsje ynliede sil: D. Kalma. Hy bigjint yn de âlde Ljouwerter mei in opstellerige ‘Fen Fryslâns fjilden’; hy komt yn de earste jeften fan Forjit my net 1915 oansetten mei in foege fyftich siden swier to fortarren poëzij: ‘Nachten en Dagen’ stiet der boppe, de opdracht is foar dr. J.B. Schepers, en wrychtich, de hexameter - biwiis fan klassike opfieding - wurdt brûkt. Itselde nije ljocht doar ek yn syn kritysk proaza in steil wurd to dwaen: yn deselde jiergong seit er, hoe't it mei it kommende wykblêd moat; hy bisprekt ‘Fryslâns dichters’, der mear ynlizzend as útheljend, hy is net eang fan absolutisme, fan drigemint, fan foroaring fan taktyk; koartom: de lieder is foun, de Jongfryske biweging is berne. Yn de hjerst fan 1915 komt Kalma syn ‘De Jongfryske Biweging’ yn it ljocht, - in striidskrift, program en selsfordigening, opdroegen oan ‘myn fryske en ingelske frjeonen’, skreaun yn min Frysk en skrikbaerlik lange sinnen; mar ek in bazúnstjit, in manifest, in nasionale bilidenis, - en op 20 novimber 1915 wurdt de Jongfryske Mienskip oprjochte. Baeskes fan om-ende-by de tweintich lêze de forbaesde âlderein it leksum op. Gjin niget dat de klachten rize: Onno H. Sytstra moat fral net tofolle stikken fan dy jongfeinten opnimme, hwant nei fjouwer kear lêzen bigrypt gjinien der jit hwat fan en oan de ein fan ‘Nachten en Dagen’ is elk like wiis as by it bigjin. Sytstra en Hof hâlde de jongelju lykwols wakker de hân boppe de holle, alteast yn it earstoan; hwat dy knapen dogge is ‘sykjen nei 't goede’ en hja sjogge yn harren ek ‘hiel folle goeds’. Om 'e nocht fansels: de revolúsjestream is net mear yn 'e stokken to hâlden en hjasels moatte as de earste slachtoffers falle. Is dit allegearre wol hwat mear as in Frysk neibauwen fan de Tachtiger biweging yn Hollân? Psychologysk leit de situaesje der hast krekt allyk hinne; de earste fersen fan Tolman en Sybesma, de tael en styl fan Kalma syn skôgingen en skelpartijen wize dy kant ek dúdlik út en it Frysk fan dizze bigjinnende skriuwers is mar al to faek net allinne oerset Hollânsk, mar ek oersette ‘woordkunst’. Dit wiene bistudearre feinten dy't op har skoallen by de kunstbigjinsels fan Kloos en Van Deyssel opbrocht wiene en dy't nou ek oan de Fryske dichter de eask fan persoanlike utering fan in persoanlike fieling stelle woene. Dochs kin men net mei rjocht fan in slaefske neifolging fan de Tachtiger biweging prate. Kalma woe de Fryske skriftekennisse in eigen plak yn de wrâldliteratuer jaen en dêrom sette er it nasionale elemint mei foarop; fan 'e miet ôf oan hat de namme fan Harmen Sytstra foar | |
[pagina 231]
| |
him in symboal west, Ofsluting, isolearring, provinsjalisme koe sa'n program fansels nea ynhâlde: it wie ‘Fryslân en de wrâld.’ Dat dêrby op literair gebiet tige wurke waerd mei de tsjinstelling fan persoanlike kunst en folkskunst, wie út de forhâldingen fan doe wol to bigripen. Kalma hat dy tsjinstelling faek fiersto dogmatysk en skématysk trochfierd en is fan datoangeande letter ek aerdich bitommele. Dy't fan rêst en frede hâldt en gjin nocht hat oan dy ivige hakketakkerij, moat de Fryske tydskriften fan dizze jierren fral net lêze: It jonge Fryslân bigjint to sjongen, hwant elk dy't meidocht dichtet ek, - ‘in mannichte fan jimme ûnbigryplike, wetterige, skriemerige, triennerige, kleijerige moadeferskes, sonnetten’, neffens Hof, dy't as satirysk parodist yn dizze jierren fortsjinstlik wurk die, - en as it net sjongt, dan tsiert it. It is ommers bûtendoar ek oarloch? Der komme brosjueres, karbrieven, bigjinselforklearringen en programs by seksjes, de taktyk wikselt yn de Jongfryske Mienskip like hurd as it bistjûr, mar der is libben, biweging, striidkrêft, talint, oertsjûging, warberens en initiatyf, en wie dêr net driuwend forlet fan? Wis, dat jonge libben uteret him gauris ûnbihearske en ek wol ûnfatsoenlik, mar hie de sfear yn hwat foar Fryske biweging trochgyng dan net altyd fiersto âldmannich west? Yn 1881 hie it mei de literaire fornijing fan ‘It Jonge Fryslân’ efkes wêze sillen, yn 1905 wie de aksje fan it Boun Jong Fryslân hwat ûnbihelperich úteinset, mar nou soe de bûter dan jild jilde! Oer de Noardsé hinne moast in brêge slein wurde en Anglo-Skandina-vyske kultuerdreamen tiisden dizze feinten yn de holle om. De Mienskip waerd in typyske Sturm-und-Drang-biweging, dy't hiel hwat losmakke hat, mar ek daliks al foar-ornearre wie om útinoar to fallen, sadré as de bisinning kaem. Dy kaem al gau. Likemin as de Hollânske Tachtiger biweging, wie de Jongfryske suver en allinne literair fan opset; folle mear as dy wie hja lykwols nasionael ynsteld. De groundearring fan dat nasionale bigjinsel wiene de Jongfriezen it mei in pear jier al net mear iens oer en it lot fan de Mienskip wie it, de geastlike ûntjowing fan Kalma séls trou to folgjen. Fanneed waerd hja ien fan de folle organisaesjes út de Fryske biweging, dy't op in eigen (yn dit gefal idealistyske) wrâldskôging birêste. Sûnt 1919 is de namme, Jong-Fries’ ien sûnder in dúdlike ynhâld. Allinne Kalma, lieder as er him altyd field hat, - gjinien as hy dy't him sa trou biïvere hat de skiednis fan de Jongfryske biweging to skriuwen, - bisiket der jit in bliuwende bitsjutting oan to jaen. Letter sil er ek jimmer it jier 1915 as in skerpe, prinsipiële skieding yn de Fryske skriftekennisse nei foaren bringe en mei er graech de skriuwers, dy't tusken 1915-'30 hwat út 'e wei sette, as Jongfrysk bineame. | |
[pagina 232]
| |
Hwat ridlik gau bliken die, wie, dat de krityske ynstelling foar de eardere Fryske literatuer oer, net allinne ûnhistoarysk en ûnforantwurde wie, mar ek ûnwis en ûnwierhaftich. De wurdearring wiksele gauris, fral dy fan de folksskriuwers; tagelyk wiene de Jongfriezen blyn foar de skriklike rhetoryk, dy't yn eigen rounte hearske. Meidat der gjin fiere en forhevene doelstellingen skroomd waerden, de oansluting by histoaryske foarmen yn Fryslân lykwols mar min ta stân kaem, bitoande de Jongfryske Mienskip har as in skipke dat oan de baren fan de tiid oerlevere wie, In jiermannich sylde it dryst koertsend foar de float út; doe waerd it wei yn dizige kimen. De krityk fan de neikommers kin rom bod krije, mar de tankberheit weacht dochs swierder. Hwer soene wy sûnder dizze fornijing en forromming bilânne wêze? De yn dit haedstik to bisprekken skriuwers geane elk foar oar eigen wegen, mar binne alteast yn hjar bigjintiid sûnder de Jongfryske biweging net to tinken. De doar fan it Fryske hûs is iepenstjitten, de winen fan de wrâld waeije der troch; it giet der nou mar om oft de fundaminten it hâlde kinne. Skriuwers en dichters yn gjin lyts tal bisykje dy grounfêsten mei har wurk to bistevigjen; tonearsten stiet de lyryk it meast yn 'e bloei; der komme lykwols oanwizingen, dat de efterstân yn it proaza, de epyk en de dramatyk ynhelle wurde sil. | |
2. Twa foargongersDat der yn Fryslân hwat yn de loft siet, die bliken út de fersen dy't Rixt (Hendrika A. van Dorssen; Grou, 1887) al yn de jierren foar 1915 publisearre. Dat binne der net safolle. Yn de bondel ‘De gouden Rider’ (1952, bikroand mei de Gysbert Japicx-priis) binne in fyftich fersen opnomd en dêrfan is hast de helt út it tiidrek 1911-'21; de jierren 1922-'41, dy't de twade ôfdieling foarmje, hawwe mar in stikmannich fersen oplevere; de lêste perioade, 1942-'52, joech wer riker bloei to sjen. Mar binammen de earste fersen hawwe doe by mannichien hwat oan it triljen brocht: net troch har oarspronkelike bylding of knappe technyk, mar troch har ynderlik lûd, har oprjochtens, har froulikheit. Ienfâldich wie dit wurk, mar tagelyk folslein persoanlik; it leafdefielen dat hjir utere waerd, wie sa sterk, dat it as fansels ta wurden kaem. Like dy utering soms romantysk of rhetorysk, koe it oars, dêr't it hert him sa weijoech en iepenbierre? Sá spontaen as de earste fersen wie har lettere poëzij net; dêr koe men lûden fan twivel, birêsting, irony, yn hearre; dêr stie de dichteres net mear allinne op de wrâld mei de | |
[pagina 233]
| |
leafste, mar waerd dy wrâld sels ta fraechteken; dêr gyng it om de einichste konfrontaesje, om de lêste earlikheit foar it eigen ik oer. Ien bondel hat Rixt oan Fryslân jown; yn it uterlik sa mannelike Fryslân wie it in frou dy't ban en bân forbriek, dy't dichtsje moast omdat hja it net litte koe, dy't harsels joech ‘warleas, iepen fan hert en sinnen’. Folle mear ‘Jongfrysk’ as Rixt is Rinke Tolman. Berne yn 1891 yn Eastersé, hat er syn jonge jierren yn Wytgaerd trochbrocht, learde ta ûnderwizer, dat er nea wurden is, en foun nei inkelde jierren fan soldaterij en swalkjen yn Utert oanslach yn de journalistyk. Sûnt tiden is er warber as skriuwer op it gebiet fan biology en natuerbiskerming; spitigernôch is er troeh syn wenjen om utens fan it Fryske libben ôfrekke. Tolman hat yn de jierren 1914-'19 hûnderten Fryske fersen skreaun en de measte yn de Fryske tydskriften fan doe publisearre; ta bondeling is it nea kommen. Hy wie mar krekt dwaende, doe skreau Kalma al in skôging oer him en promovearre him sa ta modern Frysk dichter. Dichterlik wie Tolman sûnder mis, mar syn wurk stie slim ûnder de ynfloed fan de Hollânske Tachtigers; Waling Dykstra soe ek raer guod spuid hawwe, as hy lêzen hie hwat hjir foar Frysk trochgean moast. Minne taelbihearsking, klisjéproduksje, oeribele redenrikens, syn poëzij hie der fan de miet oan mei to krijen; dochs wiene der ek fersen by, dy't hwat ljochts, waerms en spontaens oer har hiene. Mei fan it bêste fan syn oerfloedige religieuze lyryk binne de Kristus-sonnetten (Yn ús eigen tael, 1917). In oersetting fan ‘Alastor’ fan P.B. Shelley forsoarge hy mei help fan D. Kalma. Fan him is ek it bondeltsje ‘Folksforhalen’ (1929) fan Leo N. Tolstoj; wurk, dat mear in forfrysking as in oersetting is en dat al earder yn Y.ú.e.t. 1916 forskynd wie. | |
3. Douwe KalmaAs der ien libben troch Fryslân yn bislach nommen is, dan wol dat fan Douwe Kalma. Berne yn 1896 to Boksum út boerelaech, wennet er to Wirdum, Dearsum, Raerd, bliuwt er iennichst bern, rekket er syn heit al jong kwyt. Fan 1908-'14 rint er it Snitser gymnasium ôf en kriget er tagong ta de klassike wrâld, dy't foar him in bliuwende rykdom bitsjut. Daliks nei syn eineksamen jowt er him yn Fryske stúdzje en publisearret er, tsjin de klippen oan, (skûlnamme Adzer J. Greida; letter Hero Cammingha). De theology-stúdzje jowt er nei in jier op, hy | |
[pagina 234]
| |
wurdt soldaet en studearret letter Ingelsk; jierren lang wurket er allinne mar foar Fryslân; nea is er troud. Yn 'e tritiger jierren is er learaer yn Eindhoven, 1938 promovearret er op Gysbert Japiks, yn de oarloch stipet er mei in keppeltsje maten it Frysk aktivisme. Nei 1945 set er him yn 'e Rottefalle nei wenjen, makket syn Shakespeare-oersetting sa goed as of en fynt oktober 1953 yn in forkearsûngelok syn tragyske dea. De deadetsjinst yn de Dearsumer tsjerke bringt allegearre byinoar; dy't yn freonskip mei dizze yn wêzen iensume minske stiene, en dy't ier of let fan him forfrjemde wiene. Douwe Kalma waerd de lieder fan de Jongfryske biweging, doe't syn ienlike jongesjierren mar krekt ôfsletten wiene. In uterlike oanlieding foar syn kommen ta it Frysk is skraechwurk oan to wizen; de omgong mei syn learaer Nederlânsk, P. Sipma, sil der ta meiholpen hawwe. Syn komst yn de rige fan de Fryske skriuwers hat mannichien forbjustere. Hjir wie in wakker bistudearre jongkeardel, dy't der fuort útroun troch syn ûnfryske ierripens en produktiviteit, dy't ek gjin lêst hie fan Fryske krupsjes as bleuens en hoedenens, dy't net allinne opfoel troch syn stylfeardigens en redenrykdom, mar binammen troch syn dryst sprekken as machthawwende. Hy bigoun mei in opstel oer Tsjibbe Gearts yn Sljucht en Rjucht, tige wurdearjend en de bitsjutting fan de folksskriuwerij ynskikkend. Fierdere stúdzje laette him al gau in oare wei op; in foech jier letter forkundige er yn krante-artikels en yn syn earst boekje ‘De Jongfryske Biweging’ it antithetyske bigjinsel fan de persoanlike kunst. In skriuwer, dy't foar syn jierren in rom geastlik en kultureel eachweid hie, ien dy't mei alle provinsjalisme brekke woe, dy't skerp en gefoelich reägearre op syn tiid en sadwaende de oaren yn taktyk altyd in reed foar wie. Stânfêstens, kleare bilining, stribjen nei objektiviteit, hearden net ta syn deugden; yn syn kar fan bigjinsels, wurkmethoade en wurdearring fan oaren wied er hinne en wer as de wyn. Syn wurk út de bigjintiid is suver net to lêzen fanwegen de sweevjende, steatlike en ûnsaeklike styl, de lange sinnen en it minne Frysk; foar in part lei dat yn 'e reden, om't it yn dy tiid net tafoel it Frysk as medium foar sa'n gearstalde yntellektuele utering foldwaende yn 'e macht to hawwen. Flottens en in sterke stilearring hearden lykwols daliks ta de eigenskippen fan Kalma syn taelgebrûk; yn de rin fan syn skriuwers-libben is er kommen ta in altyd hwat abstrakte, mar moai lichte proazastyl, in dichterlike journalistyk, dy't net elkenien like maklik oansprekt, mar dy't fan bihearsking en eigenheit tsjûget. Al it striidproaza fan Kalma, syn brosjueres, redefieringen en skôgingen, soe yn in pear fikse dielen net iens sammele wurde kinne; hwat produktiviteit oanbilanget, kin hy Waling Dykstra hast bilykje. | |
[pagina 235]
| |
Tige folle dêrfan is sterk oan de tiid fan ûntstean boun of bistiet foar in great part út selsherhelling. It sil sels de fraech wêze, oft kommende generaesjes yn steat of ré wêze sille dit polémyske en taktyske proaza mear as tige oerflakkich nei to kommen; foar de skiednis fan de Fryske striid hat it syn bitsjutting, mar fan bliuwende ynfloed op dy striid hat it nei de jierren 1915-'19 net mear west. Fan de literaire krityk fan de earste jierren, dy't tofolle bihearske waerd fan gauris wikseljende fielingen fan sympathy en antipathy en dêr't greate wurden, skelpartijen en de forsearre tsjinstelling âlderein-Jongfries in to great plak by ynnamen, moat itselde sein wurde; ek letter is it persoanlike, emosionele elemint yn syn skôging fan it wurk fan syn tiidgenoaten sterker as it stribjen nei breed-objektivearjende pleatsbipaling en wurdearring. Dêr't er mear wittenskipsman is en binammen dêr't er it forline ûndersiket, kin er gâns better ôfstân biwarje: sa yn syn Skiednis fan Fryslân (1935), in great en tige fortsjinstlik wurk, dat ek stilistysk wol syn kwaliteiten hat; syn stúdzje oer Kening Finn (1937); syn dissertaesje oer Gysbert Japiks (1938), al bûgt er ek dêrre, fral hwer't de gods-tsjinstige kant oan 'e oarder komt, it byld fan de dichter tofolle nei eigen mal en miening oer. Kalma hat altyd tige yn it spier west, de kunde oan en de leafde foar de Fryske skriftekennisse ûnder de Friezen to formearderjen en to forsterkjen. Fan syn karlêzingen is It sjongende Fryslân (1917) ûnryp, mar fris en libbenskrêftich; It Harmen Sytstra-boek (1918, mei P. Sipma) breed, mar net altyd like geef; De Nije Moarn (1922) it meast Jongfrysk en mei har biruchte ynlieding wol in sprekkend tiidsbyld fan nei-oarlochsk idealisme. Yn letter jierren wurdt syn oardiel hwat mear histoarysk, hwat minder esthetysk, al forleagenet de man fan 1915 him nea alhielendal. De trije dielen De Fryske Skriftekennisse fan 1876-1925 (forskynd yn 1926-'40) binne skoan to brûken, mar jowe dochs gjin suvere foarstelling, om't de tiid hjir yn to lytse stikken hakke is. It histoarysk forbân foar de âldere skriuwers ûntbrekt almeast, it jier 1915 wurdt to dogmatysk as in absolút grinspunt bisjoen en yn de karlêzing wurdt faek mear it biwegings- as it skriftekundich stânpunt fan de bisprutsen skriuwers werjown (byg. by Waling Dykstra en Onno H. Sytstra). De twa dieltsjes Wy roppe de libbenen (1938-1941) biede in oannimlike karlêzing, mar jowe yn ynlieding en foarwurd ryklik folle polemyk en selsrjochtfeardiging. By al dizze útjeften komme dan jitte de lytsere stúdzjes oer Gysbert Japiks, Harmen Sytstra en Marten Baersma en de forsoarging (troch oerstavering en oantekeningen) fan in diel fan har wurk yn hânsume en foar in great publyk tagonklike boekjes. Ek de talrike learmiddels foar stavering, tael, skriftekennisse en skiednis, dy't Kalma mei seldsume iver gearstald hat, biwize | |
[pagina 236]
| |
dat er de ûnkunde fan de Friezen foar eigen oer net forneare koe. Biwize binammen, dat er de wichtige taek fan de literatuer klear seach en dat er in hege opfetting hie fan de ropping fan de kunst, dy't foar him ommers, as it der op oankaem, gâns mear to bitsjutten hie as striid en wittenskip. In great diel fan syn wurksumheit as skriuwer hat Kalma oan it oersetten bistege. Fryslân yn 'e kunde bringe mei greate foarbylden; de brûkberheit fan it Frysk foar alderlei literaire prestaesje oantoane, in praktyske útfiering jaen oan de slachsin fan ‘Fryslan en de wrâld’, dat allegearre hat ûnder dit moedsume wurk grif by him foar sitten. Yn Swanneblommen 1916 kaem er al foar it Ijocht mei oerset wurk fan Shelley en fan de Ingelske Tachtigers, dêr't syn eigen fersen nei oan bisibbe wiene. Tsientallen jierren lang hat er mei Shakespeare dwaende west; as aparte stikken binne útkommen: Macbeth (1932); In Mid-simmernachtdream (1949). Sûnt 1956, doe't it earste diel útkaem, wurdt der wurke oan de folsleine útjefte fan Shakespeare's Wurken yn Kalma syn oersetting; it is in eareplicht foar Fryslân to soargjen dat dizze ûndernimming net yn it bigjin of op healwei stean bliuwt. In prachtich stael fan Kalma's technysk masterskip en dichterlike krêft is ek de forfrysking fan de Middel-Ingelske fersesyklus De Pearel (1938); de swierste kunstfoarmen wurde dêr suver boartsjenderwize oerwoun. In kunststik is ek de fortaling fan Molière's Le Misanthrope: In Fijân fen Minsken (1930); sa goed waerd dit toanielspul yn it Frysk oerbrocht, as mannichien it fan sa'n typysk Frânsk stik net mooglik achte hie. Klassike foarmbihearsking, technysk fakmanskip, bûchsum taelforskaet, dy eigenskippen treffe jin ek yn Kalma syn greate eigen dichterlike produksje, foar in diel sammele yn: Ut stiltme en stoarm (1918); Jongfryske Sangen (1922); Dage (1927); Sangen (1936); De Lytse Mienskip (1944). De foarm fan syn fers is sûnder wryt en slyt, mar liket faek oerwichtich: safolle folsleinens is min to fortarren, as de ynhâld dizenich, abstrakt en ethérysk is. Forskate lêzers, net ûngefoelich foar poëzij oars, hawwe wurk dizze dichting to gripen en bigripen; it is dan as is de rike foarm opfolle mei in gewichtleaze, ûntaestbere stoffe; har komt it oan as hawwe hja mei in geniale rhetoryk to meitsjen, fral yn de bondel Sangen. Dochs hat Kalma ek wol ienfâldige, kleare, trochsichtige fersen skreaun; iensidich is syn dichterskip alderminst en hy hat der altyd in wolbihagen yn hawn sjen to litten dat er mei de pinne álles koe. Mar sa nei it hert en nei it libben taeste as yn De Lytse Mienskip die er mar inkeld; gjinien dy't dizze soms opmakke en soms sljochte fersen sûnder earbied en tankberheit lêze sil. In oersjoch oer it hiele dichtwurk fan Kalma is net maklik to krijen, | |
[pagina 237]
| |
Dr. DOUWE KALMA
| |
[pagina 238]
| |
om't it tige forspraet leit. Mei in oar Frysk dichter is er net to forgelykjen. Syn wiisgearich klassisisme, dat de harmonij op dizze tobrutsen ierde yn de dichterdream bisiket stal to jaen, is er nea kwyt rekke. Komt it dêrfan, dat er winlik altyd mei it kristendom oerheap lein hat en dat, nêst syn hellenisme, it germaensk-religieuze fielen him somtiden mear sei? Ek yn de jierren, dat er syn libbensoertsjûging evangélysk-kristlik neamt, (om 1926 hinne byg.), kin er it boadskip fan sûnde en forlossing dochs min oannimme. Spanning, spjalt, bilidenis fan minsklike ûnmacht, hy wol der net oan; sa faek der fan God sprake is, lûkt it altyd nei it pantheïsme. Dat de minske krekt by dizze ynstelling iensum bliuwt, blykt ek út dit wurk; Kalma hat dy iensumheit lykwols oandoard, in biwiis fan syn driuw nei greatens en forhevenens. Op it stik fan forheljend proaza hat Kalma, fral yn syn earste skriuwersjierren, wol wakker hwat probearre, - De heimige krêften (Frisia 1917), De swiere winst (Frisia 1921), - mar it slagge him net dêr hwat goeds fan to meitsjen. As it der op oankaem, wied er in yntroverte en egosintryske natuer en dêrtroch ien, dy't de werklikheit mar min hielendal op him takomme litte woe en koe. In idealist as Kalma wol ek leaver it libben yn it fers herskeppe as yn it proaza neimielje; hy wol net biskriuwe, mar foarskriuwe. Fan gâns mear bitsjutting is Kalma syn omfangryk dramatysk wurk. Hy stribbe net inkeld nei fornijing, hy hat foar syn part ek fornijing brocht. In gefolch fan syn fûle krityk op de folksskriuwerij wie ek, dat er foar it Fryske folkstoaniel gjin wurdearring hie; it wie him tofolle forboun oan nocht en wille en oan efternei dounsjen. Toaniel woed er ta in earnstige en suver hillige saek meitsje; it moast yn it midpunt fan de earetsjinst fan de kultuer stean. Dêrom wie foar him it Jongfrysk Toaniel ek in avant garde, dêrom spile er sels mei, laette er de stikken by de taskôgers yn, joech der lêzingen of leargongen oer. De list is lang en hjir net iens folslein: Kening Aldgillis (1920); Noarderljocht (1921); Wy Allegearre (1923); Ruth (1924); Fryslân (1926); De Roardisten (1934); Leafwyn (1941). It is net tafallich, dat hy mei dit wurk earst nei de omkear fan 1919 yn de Jongfryske Mienskip bigoun is; it paste alhiel by dit tiidrek yn syn geastlike ûntjowing. Elke bân mei it folkstoaniel, sels mei dat fan Schuitmaker en Canne, moast yn dizze toanielskepping ûntbrekke; wie it niget, dat dizze wei dearinne moast? Kalma syn stikken fregen safolle geastlike ynspanning fan spylders en taskôgers, dat it ûnbarmhertich wie; doe't er dat sels ynseach, hat er in oare wei ynslein, nei de oarloch sels safier dat er by de earder sa forspeine folksskriuwerij torjochte kaem. It earste stik, Kening Aldgillis, sprekt fan it toanielwurk út de tweintiger jierren jit it djipst oan, grif mei troch de lokkige kar fan histoa- | |
[pagina 239]
| |
ryske stoffe. Mannich brokstik birikt in greate epyske krêft; de bou fan it gehiel lit wol to winskjen oer, mar dochs heart it wurk thús by it kostberste fan de Fryske skriften. Noarderljocht, gâns lytser, is moai fan tael en bylding, mar hat lang dat felle, dramatyske libben net as it foargeande stik. In oare wei gyng Kalma op mei Ruth, - nei de novelle fan Simke Kloosterman, - en mei Fryslân en De Roardisten wied er al gâns in ein tichter by de platte groun, al is it lêste stik dan earder in lêsdrama as naturalistysk toaniel. Oer it neioarlochske folkstoaniel fan Kalma wurdt op in oar plak sprutsen. Hjir moat jit neamd wurde: Keningen fan Fryslân (I, 1949: Thied; Aldgillis; Ydwine. II, 1951: Leafwyn; Redbad), fiif toaniel-stikken yn fersen, dêr't Kening Aldgillis fan 1920 en Leafwyn fan 1941 yn opnommen binne. Sawol de deugden as de tokoarten fan Kalma's histoarysk toaniel komme hjir dúdlik út; dochs bliuwt it great wurk, fan foarname styl, in yn Fryslân útsûnderlik heech bisykjen. Douwe Kalma: aristokratysk kunstner en dochs wrakseler om de Fryske folkssiele; koene dy twa net ticht byinoar komme? Earne yn dit libben leit in riedsel, in geheim, in frjemdens. Frans Duco (út Noarderljocht) hat er ta fuotten út tekene, mar nearne yn syn wurk komme wy in figuer tsjin, dy't wy njonken de Fryske Tsjerne mei syn oertsjûgjende libbenswierheit sette kinne. En dochs hat der selden of nea in man west, dy't Fryslan safolle jaen wollen hat. | |
4. E.B. FolkertsmaGjin Jongfries yn inge sin, mar dochs yn de earste tiid fan de Jongfryske biweging nei foaren kommen en dêr ek sterk troch ynspirearre, is Eeltsje Boates Folkertsma (1893 Ferwert), de bêste essayist grif dy't Fryslân oan nou ta oplevere hat. Hy komt fuort út de grifformearde doarpsboargerij, leart op de Dokkumer kweekskoalle ta ûnderwizer en is fan 1912-'26 as sadanich op forskillende plakken yn Fryslân wurksum. Sûnt jowt er him yn Ljouwert hielendal oan de Fryske biweging, is lesjower, skriuwer en journalist; fan it bigjin ôf oan hat er de redaksje fan it wykblêd De Stim fan Fryslân hawn en nei de oarloch is er ek forboun oan it Friesch Dagblad. Troud is er nea; sûnt syn feintejierren hat er, trou as ien, Fryslân tsjinne. Twa Fryske lieders, Kalma en Folkertsma, en it leit foar de han har njonken-inoar to setten, al bliuwt forgeliking fan persoanlikheden in nuodlike saek. Folkertsma krige fan hûs ut folle mear fêstichheit en geastlike foarming mei, mar moast in swierder ûntjowingsgong troch- | |
[pagina 240]
| |
meitsje. It gyng by him uterlik allegearre folle stadiger, dreger en stilder om en ta. By de jonge Kalma wurdt nea oan it talint, wol oan it karakter twivele; by de jonge Folkertsma is foar elkenien it karakter dúdlik, mar moat it jit bliken dwaen hwat it talint opleverje sil. Mear tsjinstellingen lizze foar it gripen: Kalma is fan frijsinnich komôf, kriget in klassike foarming, giet nei de universiteit, hâldt altyd hwat fan de estheet; Folkertsma komt út de skoalle fan A. Kuyper, kriget in bihyplike oplieding, is it foarbyld fan de geve autodidakt en lit syn libben net fan kunst en skientme, mar fan de godstsjinstige wierheit bihearskje. De earste wie jierren lang sosialist en stie doe fierder as ea fan it folk ôf, de lêste wie yn deselde snuorje aristokratysk yndividualist, mar forkearde mear as ien ûnder it sljochtwei folk, Kalma wie in stridend skriuwer, libbe foar de publisiteit en wie mei syn pinne syn geastlike ûntjowing altyd hwat foarút; Folkertsma wie in skriuwend strider, hat nea bot de iepenbierheit socht, hie wurk om syn wjerstannen to oerwinnen en syn utering bleau altyd efter by syn yntuysje. It slagget yn Fryslân net gau allinne mar literator to wêzen; it wie Folkertsma syn doel ek net. It earste wurk, dêr't er him oan joech, wie de bibelforfrysking; fierders fornaem gjinien hwat fan him. Kalma wist him lykwols al gau yn de Jongfryske Mienskip to heljen en dêr waerd fuort tige mei him rekken hâlden; folle mear as Kalma sels fortsjintwurdige er dêr de radikael-nasionale streaming. Dy sette er yn 1916 koart mar treflik útien yn in brosjuere ‘Us Fryske Skiednis’; yn it tydskrift Frisia forskynde sûnt 1917 syn rige drege, systematyske opstellen oer ‘De Fryske Striid’, goed wurk dêr't er mei - lyk as faek in ommelanske wei lâns - ta it wêzen fan it striidprogram socht to kommen. Hwat Folkertsma oan fersewurk jown hat, - mar o sa'n bytsje; út de earste tiid byg.: Us leave deaden; Gods Rjuchtfeardichheit, Y.ú.e.t. 1919, - wiisde der dúdlik op, likegoed as syn kunstproaza, - byg. ‘It greate Fryslân’ yn it Harmen Sytstra-boek, - dat syn oanliz sterk romantysk wie en it meast de epyske kant út lei. Fan alle Jongfriezen wie hy wol de iennichste, dy't yn wêzen en wurk nei oan Harmen Sytstra bisibbe wie. Fijân fan fordrach, maklike taktyk en propagandistyske bigjinselkwânselderij as er jimmer wie, liet er yn de Mienskip gauris in fûl en warskôgjend lûd hearre, mar doe't Kalma de foriening hyltyd diele litte woe yn de elkoar rêd opfolgjende praktyske konsekwinsjes fan syn persoanlike ûntjowing, gyng er der yn 1919 by wei. It jiers dêrop rjochte Folkertsma it moanneskrift ‘Tsjûgenis’ op, dat mar goed twa jier bistien hat. It wie frijwol in ienmansblêd, - dichters as R.P. Sybesma, Fedde Schurer en Gerben Brouwer hawwe der to hea en to gers oan meiwurke, - mar it hie in djippe en duor- | |
[pagina 241]
| |
EELTSJE BOATES FOLKERTSMA
| |
[pagina 242]
| |
jende ynfloed op party fan de jongerein. Der spriek út dit tydskrift in sterk en klear lûd, hertstochtlik bisiele en fan romantyske, hiëratyske styl, it lûd fan in ienling, dy't him út reden fan profétyske ropping oan syn folk forboun wit. Dochs wie in elemint fan ‘literatuer’ yn it blêd net to ûntstriden; de steatlike, mannelike stilearring, dy't de krêft fan Folkertsma syn proaza útmakket, leit der tonearsten like faek boppe op as binnen yn. Dy't syn beide romanbrokstikken, - ‘De Breid fen Kristus’ yn Tsjûgenis, ‘Yn it Skaed fen de Tsjerke’ yn Y.ú.e.t. 1930 en fierder, - út dit eachpunt wei forgeliket, sjocht dêr dúdlik de oergong yn fan neo-romantyk nei geastlik realisme; taelpronk en rhetoaryske sier falle wei foar in geve, sljochte, rjochtute bylding. It bliuwt lykwols de frage, oft Folkertsma ea in wiere roman skriuwe sil, hoefolle goeds en greats dizze stikken ek forwachtsje litte. Oan it gripen nei it heechste en it taesten nei it djipste ûntbrekt it him net, mar wol mist er tofolle de lossens fan styl, de natuerlikens fan de petearfoarm en de biweechlikens fan opfetting, dy't foar de romanfoarm nedich binne. Nei de jierren fan Tsjûgenis kearde Folkertsma in skoft ta it isolemint yn. Yn 1924 slagge it him en oaren it Kristlik Frysk Selskip ek ta it stellen fan in klear en radikael striiddoel to krijen en nei 1927 krige er ien fan de liedende plakken yn de Fryske biweging; syn wurd klonk ek folle fierder as de rounte, dy't him geastlik it neist bisibbe wie; hoewol net ûnder alle omstannichheden ôfkearich fan in antithetyske hâlding, liet er it nasionale, binende elemint altyd tige swier weage. Yn syn brosjuere ‘Selsbistjûr for Fryslân’ (1930) hat er de streken oanjown, dêr't de Fryske biweging har yn de kommende heale ieu oan hâlde moatte sil, wol der fan de striid om it bihâld fan it folkseigene hwat op 'e hispel komme. In part fan hwat Folkertsma tidens in skriuwerswurksumheit fan mear as tsien jier iepenbier makke hat, is gearbrocht yn de beide bondels Toer en Tsjerke (1934) en Eachweiding (1950); twa essay-samlingen, dêr't gjinien oan foarby kin, dy't witte wol hwat der yn Fryslân to rêdden is. Gewoane journalistyk is dit wurk alderminst, dêrta is it to dreech, to geef en to streksum. Wiisgearige skôging kin men dit proaza ek net neame, dêr is de toanaerd tofolle dy fan in roppene en tsjûger foar, de ynhâld to min riddenearjend, to faek absolutistysk. Men moat nei dizze boeken, lyk as nei alle great wurk, tagroeije, sille hja op jin takomme. Elk moat der de ynfloed ek wol fan ûndergean; dy't it mei dizze skôging of kultuerkrityk net iens wêze kin, sil dochs de krêftige utering, de wize stelling en de rike kultuerhistoaryske eftergroun biwûnderje. Der is ek bûten Fryslân yn Nederlân net iens safolle skreaun yn dizze ieu, dat dit peil birikt. Ek al giet it oer it | |
[pagina 243]
| |
tiidsbarren, al is it nei oanlieding fan ien inkeld boek of in biskate figuer opkommen, dan jitte hâldt dit proaza syn widere aktualiteit en syn bliuwende algemienens. It is to hoopjen, dat it net by dizze twa dielen bliuwt, mar dat ek de essays fan nei it bigjin fan de tritiger jierren sammele wurde kinne. De lytse samling Swier Lok (1938) is mar in foarpriuwke, dat lykwols mearich smakket; yn koart bistek jowt it in markant byld fan de skriuwer, mar ek fan de minske, de Fries, de kristen, yn Folkertsma allegearre ta in net to skieden ienheit forboun. It foarname plak, dat Folkertsma yn Fryslân ynnimt, rêst net alder-earst op syn literaire fortsjinsten, hoe'n taelkunstner er dan ek is. Syn driuw nei konsekwinsje, syn trou oan it bigjinsel troch de jierren hinne, syn skôging fan Fryslân sawol yn it natuerlike as yn it geastlike, syn stylbihearsking en taelbylding, dat allegearre jowt him rjocht op sa'n plak. Fan de idiomatyske rykdommen fan it Frysk, - by Hof suver folslein útstald, mar dêr tofolle statysk, ûnrindabel bleaun, - hat hy mei masterhân gebrûk makke foar it skeppen fan de kultuertael, dy't it Frysk op straf fan ûndergong ék wêze moat. Slach op slach kriget by him in wurd, in sizwize in eigen en nije glâns; de sinsbou, út de folkstael biharke, mar hjir ta in rike, artistike ûntjowing brocht, is tagelyk fan in germaenske foarsens en in klassike helderhert Fan de literaire figuer is de geastlike persoan net los to meitsjen. Folkertsma is dúdlik fan kalvinistyske komôf en signatuer, mar hy is net de man fan in partij, in rjochting, in skoalle; hy is yn syn hiele wêzen protestantsk, mar mei yn wierheit oekuménysk hjitte; hy stiet út oertsjûging en forkiezing yn de kristlike tsjerke, mar dat hâldt net yn dat er de wrâld leechleit en forachtet. Yn syn moai boekje De Christen Gysbert Japiks (1946) jowt er bliken fan in djip forstean fan hwat de 17de ieuske dichter ynderlik biweegd hat; hy sil der himsels yn mannich ding yn weromfoun hawwe. Dizze skriuwer wie, mear as ien fan syn tiidgenoaten, oanwiisd de Bibel (mei dr. G.A. Wumkes) oer to setten, de Heidelberchske katechismus en de liturgyske skriften fan de tsjerke to forfryskjen. Mei syn fortaling fan de earste trije boeken fan Augustinus syn Confessiones (Toer en Tsjerke, 29-70) en mei syn Lof (177-185) hat er de greate mooglikheden fan it Frysk, net allinne as godstsjinstige tael, mar ek as ynstrumint fan mystike utering, oertsjûgjend sjen litten. Hied er net sa fan tichtby kunde hawn oan dy âlde trijekaert, leauwe, hope en leafde, hy soe net leard en net yn steat west hawwe in aristokratysk libbensbigjinsel om to setten yn de tsjinst oan Fryslân en oan de fieding en opfieding fan syn folk. It slachte fan dizze ieu soe in hurd oardiel fortsjinje, as it net safolle fan Folkertsma oannimme woe, as dêr't it de kâns ta hawn hat. | |
[pagina 244]
| |
5. Marten BaersmaTwa skriuwers, dy't beide it alderearste bigjin fan de Jongfryske biweging fan tichtby meimakke hawwe, wiene Marten Baersma en Rintsje Sybesma. Mei elkoar to forgelykjen binne hja net: de iene syn ûntjowing waerd yn de earste bloei hommels ôfsletten, de oare sines gie folslein eigen wegen en kaem gâns jierren letter ta stilstân. Meint Hylkes Bottema, better bikend ûnder syn skriuwersnamme Marten Baersma, waerd yn 1890 to Eastermar yn in bakkershúshâlding berne. Hy wie in natuerleafhawwer; oan de natuerbiskriuwingen yn syn letter wurk is ek wol to sjen, dat er folle yn de omkriten fan de Leijen en de Hamster heide rounswalke hat. Hy wol gjin bakker wurde mar timmerman en foarmet himsels ta boukundich opsichter. Hoewol orthodoks opbrocht, giet er letter de frijsinnige kant hwat oer en kriget sympathy foar de kristlik-sosialistyske biweging. Yn de mobilisaesjejierren helpt er Sjouke de Zee tige by dy syn wurk ûnder de Fryske soldaten en yn alle dingen bitoant er him in aktyf idealist, in irényske natuer mei suver hwat in mystike oanliz; ien dy't it tige krekt naem en it dêrom net altyd like maklik hie. Kalma, ien fan syn bêste freonen, biskriuwt him as ‘myld en freonlik, klear en stil fan wêzen en djipearnstich’. In ynbannige, iensume, literair-bijeftige figuer as hy hâldt fansels deiboeken oan en skriuwt folle brieven: hja foarmje it ûnmisbere oefenwurk. Hy hat Piter Jelles lêzen, is al foar it Frysk woun en wurdt ein 1915 ien fan de mei-oprjochters fan de Mienskip. Mar dy't de goaden leaf hawwe, nimme hja jong ta harren: yn 1917 wurdt er boukundich tekener by de stêd Ljouwert, yn 1918 rekket er op 13 novimber nei in sykte fan in pear dagen oan de spaenske gryp wei. It measte wurk fan Marten Baersma is gearbrocht yn De Ljochte Kimen (1925), sammele en ynlaet fan D. Kalma; deselde hat ek in diel fan it neilitten wurk en de deiboeken útjown yn Frisia 1927-'32, ûnder de sammeltitel De Ljochte Kimen II. Fral de trije greatere forhalen, - De Jonge fan de Marsheide, Jelmers Jonge Libben, De Jongste, - binne yndertiid by de forskining tige wurdearre, hwat hja ek fortsjinnen om har ienfâld en rêstige, waerme myldens. Dochs is syn wurk doe gauris to heech oanslein; Kalma hat it neamd ‘it meast Frysk-eigene dat ús hiele literatuer oant nou ta joech’, hwat fansels nearne nei roait. Dit proaza is iepen en earlik, fan in teare skrutenens en suver virginael, mar dochs biheind, weak, mei hwat tofolle fan de puberteitsstimming. To min is yn dizze goede dreamen fan in goed minske hwat fan in greate, fûle striid waer to nimmen. Baersma seach jit allinne de harmonij yn de natuer; yn dat ‘ivich moaije wûnder’ en yn himsels learde er de ‘moaite’ to sykjen, mar is it libben net hwat | |
[pagina 245]
| |
oars en hwat mear? Foar alle disharmonij en demony like hy, dy't dochs de oarlochsjierren en it wapenbidriuw fan tichtby meimakke hie, blyn to wêzen. Oft er dat by in fierdere ûntjowing sjoen hawwe soe, oft syn wurk dêr dan greater en manliker fan wurden wie, oft er him faeks sá al hielendal útskreaun hat, hwat wit it? Foar it lêste sawol as foar it earste is hwat to sizzen. Yn hwat Marten Baersma jown hat, leit hwat fan de suverheit fan it earste bjirkegrien yn de maeimoanne; it komt ticht by de Fryske idylle, sa't Ids Wiersma dy yn forskate printen en etsen útbylde hat. Jonge minsken, dy't jit net troch de literatuer bidoarn binne, sille der in wolbihagen yn fine, foar party âlderen is it in kostlik en soms hwat pynlik oantinken oan in swijende simmerjoun, in stimming fan sêfte frede. It biwiist de literaire iensidigens fan de Jongfriezen, dat hja Baersma heech skatten hawwe en foar de wearde fan Holtrop syn novellen gjin each hiene; it biwiist ek de krêft fan har jong en idealistysk libbensoanfielen. Ta de greate boeken fan Fryslân heart De Ljochte Kimen net, mar elke Fryske jonkheit sil har witten fan de skientme fan de natuer en fan it kommen fan de leafde ta de iensume en wachtsjende, hjir suver en earlik útsprutsen fine. | |
6. R.P. SybesmaRintsje Piters Sybesma waerd yn 1894 to Tsjerkgaest berne en hat him nei syn stúdzje as féarts op it Hearrenfean festige. Al yn 1914 hie er Fryske fersen publisearre, dêr't klear de ynfloed fan de Hollânske Tachtigers út blykt. Hy waerd ien fan Kalma syn earste striidfreonen; yn 1915 lieten dizze alderpersoanlikste dichters in pear fersen ôfprintsje, dy't hja mei syn beiden makke hienen: grif in unicum yn de Fryske skriften! In biwegingsman waerd Sybesma lykwols net; dêr wied er ek in fiersto great yndividualist ta. As dichter brûkte hy yn dy earste jierren binammen de sonnetfoarm en hy hat der hiel hwat mei wurde kinnen. In bondeltsje Ta de Moarn (1927) bifettet mar in tritich sonnetten, mar dy hearre dan ek hast stik foar stik ta de klassike fersen. It is frijwol allegearre natuerlyryk; fan it religieuze of erotyske sentimint is neat to fornimmen; it gehiel makket in stoere, suver objektive yndruk. In kleare en hast saeklike fisy wurdt yn krêftige taelplastyk foarm jown, uterst bihearske en dochs swier fan kunstsinnich oanfielen. De slimste en meast mishannele fersfoarm liket hjir wier de iennichst mooglike to wêzen. Yn sa'n koart bistek ta sa'n glânzgjend skilderij to kommen, dat is mar inkelden jown. Sybesma hat sjen litten hoe emosioneel de Fryske ynbannigens ek yn de poëzij is. | |
[pagina 246]
| |
Syn lettere fersen hawwe meast mei de klassike, harmonyske foarm ôfdien; ek de ynhald wurdt direkter, fûlder en wreder; it hat der faek wol oan dat er syn fieling de baes kin. Nei oan it Fryske boerelibben as Sybesma neffens ôfkomst, aerd en wurk stiet, giet de krisis fan de tritiger jierren him net oan de siel foarby. Oer de skiif fan de agraryske biweging, en mei ûnder ynfloed fan Jan Melles van der Goot, komt er by de faksisten en nasionael-sosialisten tolânne. En sá ‘leaut’ er dan yn de Dútske polityk, dat hy yn de simmer fan 1940 útbrekt yn in tal tiidsfersen, dy't yn 1941 mei Dútske oersetting yn Berlyn útjown wurde ûnder de titel ‘Der zehnte Mai’; deselde fersen, mei in stikmannich yn likense trant der by, mar nou sûnder oersetting, forskine in jier letter yn de bondel ‘De swetten útlein’. It is in pynlik haedstik yn it libben fan de dichter; hoe goed party fan dizze fersen as fers ek binne, hja foarmje in ûneare foar Fryslân. It ôfskied oan it sonnet hie foar Sybesma ek de kear nei it proaza bitsjutten. It literaire moanneblêd De Holder, dat hy yn de jierren 1926 -1929 mei J.H. Brouwer útjown hat, woun net it minst yn bilangrikens troch de novellen, dy't hy dêr forskine liet. It bondeltsje sketsen Om it Hiem (1931) levere it biwiis, dat hy yn steat wie it boerelibben uterst fakkundich, sawol fan de kant fan de skriuwer as fan de boer, út to byldzjen. It masterskip oer it proaza komt lykwols jit klearder oan it ljocht yn It Anker, in bondel forhalen (1932). Moaiskriuwerij sil men hjir net oantreffe, hwat fansels net ynhâldt, dat alle literaire sier en tier der yn mist wurdt; de bylding en bihearsking, de monumintale ienfâld, dy't meielkoar de sonnetten fan Ta de Moarn ta sokke kostbere juwielen meitsje, jowe oan dit proaza ek hwat massyfs: it strielet krêft en dochs ek in soms mystike gloede út. Tusken de rigels stiet mear to lêzen, as dat der yn sein wurdt. In fine, skerpe geastichheit, in nei de djipte taestende skôging, in sterke sfearskepping, dat binne inkelde treflike eigenskippen fan dizze forhalen. De wiidweidige, plastyske, alderminst oerstallige natuerbiskriuwing, it biweechlike sinrhythme, de steatlike taelmuzyk, - byg. yn dat prachtige ‘Oan 'e sédyk’, - hja binne hjir like goed op har plak as it koart-ôfbrutsen sintsje, de sobere konstatearring (‘understatement’), it amerij fan myld glimkjen of feninich gnyskjen. Der bart net safolle yn dizze acht forhalen en dochs binne it gjin forfeelsume détailtekeningen. It libben yn syn riedseleftige ienfâld wurdt hjir mei ûnbarmhertich synisme foar ús set en dochs is it mei in ynbannige leafde biskreaun. In bysûnder stik proaza, yngeand fan waernimming en waerm fan tekening is ek ‘Boerke Thae’ (De Holder, 1929; Frisia, 1931-'32). Dy't it stik lêzen hat, moat neitiid it boekje ‘Fryske Styl’ fan prof. Brouwer ris trochwurkje; him sille de eagen foar folle moais iepengean. | |
[pagina 247]
| |
7. P. van der BurgGjin ‘great’ dichter; machtich is it tal fan syn fersen ek net; mar ûnder de Fryske dichters is er ien fan de suversten. It is to hoopjen, dat elk dy't yn Fryslân ta de wrâld fan de poëzij komt, it lytse bondeltsje fan dizze stille sjonger op syn wei fine sil; in better kaei om de doar to iepenjen is der hast net. Pyt van der Burg (1893 Boazum-1922 Jelsum) wie de twade soan fan Jan Linses van der Burg, de jongforstoarne dichter fan it moaije folksliet It Heitelân. Hy krige al jong de soarch foar de buorkerij, mar koe dat net oan; in kuer yn Davos holp him net fan syn sykte ôf en jong is er hinnegien. Hy hie folle lêzen, de Fryske tradysje yn syn famylje hied er tige diel oan en de Jongfryske biweging makke ek yn him hwat wekker, al liket syn wurk yn neat op dat fan Tolman of Kalma. Fan 1918-'21 hat er inkelde tsientallen fersen publisearre; it bondeltsje Fersen (1934) bifettet, op in stikmannich leafdedichten nei, in folsleine samling. Oarsoartich wurk hat er ek net jown. It is suver allinne natuerlyryk fan in bûtengewoane ienfâld en oprjochtens, hwat der yn Fersen stiet. Pronk sit der net oan; hoe soe dat ek kinne by sa'n bliid oanskôgjen en wémoedich birêsten? De sonnetfoarm wurdt net brûkt, de ferstechnyk liket sa sljocht as it mar kin. Yn syn sobere tekening en mei syn dimmen, mar tige persoanlik en daliks djip oansprekkend lûd, wit er de lêzer byld en wêzen lykwols klear foar eagen to tsjoenen. Dy't hwat fan de moderne chaos bigeart, moat hjir net oanklopje; it fine, teare en serene wurk fan dizze dichter sil him neat sizze.Ga naar voetnoot1) Sa hiel folle hie Pyt van der Burg net iens to sizzen, oan de religy likemin as oan de fortwiveling komt er ta, mar dat bytsje hat er rein en ryp en foar altyd sein. De gong fan de seizoenen en fan de tiden fan de dei, it libben fan de fûgels, de wyn en de snie en de moanne, selden binne hja sa yn har oerfoarm, selden sa natuerlik en muzikael werjown. It is ‘lytse’ poëzij, mar dan sûnder wryt of slyt. | |
8. J.H. BrouwerDoe't D. Kalma yn 1922 syn blomlêzing De Nije Moarn útjoech, krigen ek Jongfryske dichters as Jan D. van der Mei mei syn ienfâldige | |
[pagina 248]
| |
ferskes, dy't út de fierte wol hwat fan Pyt van der Burg sines hiene, as Thys de Vries, mei syn neifolging fan Kalma en Tolman, en as Janke Oostenbrug dêr in plak. Ien, dy't al withoefolle fersen yn Jongfryske trant skreaun hie, Jelle Hindriks Brouwer (1900 Beetstersweach), mankearde dêr lykwols. Hat er net wollen, of wie it net dwaenlik út syn sé fan sonnetten in stikmannich goede op to dippen? Op de H.B.S. yn Snits waerd Brouwer al foar de Jongfryske biweging woun. Fan 'e miet ôf wie it dúdlik, dat sawol de biweging as de literatuer him nei oan it hert lei, mar ek, dat er gjin Kalma-folgeling bliuwe soe. Yn 1918 wied er samler fan it tydskrift Jong Fryslân, yn 1924 bipleite er yn Frisia in earliker wurdearring fan de Fryske skriuwers út it foarige en in hechter oansluting by de folksstriid, yn 1926 rjochte er mei Sybesma De Holder op, it tydskrift dat fjouwer jier lang nei foarm en ynhâld in nije en frisse forskining yn Fryslân west hat. Koe in natuertalint as Pyt van der Burg him frijhâlde fan de ynfloed fan de Tachtigers, Brouwer mei syn lêst fan literatuerûnderwiis op de skouders, koe dat net. Hwat er ûnder skûlnammen en letters as L. Feenstra, L. Bosker, J. en J.H.B. yn de blêdden oan poëzij publisearre hat, is learwurk; him dêr hielendal frij fan to meitsjen, hat muoite koste. De bondel De Gouden Ure (1930) jowt fan dy wrakseling wol in byld; in ienheit is de samling net wurden. Dat de minske gauris to fier efter de literatuer weiskûlet, hat makke dat party mar swier ta wurdearring fan dit wurk komme kinne; it is dan ek faek ûnderskat. Brouwer syn hwat oerdiedige en weelderige lyryk liket wolris in oefening yn fakmanskip; de ynhâld is dan min to gripen. It sterkst bine jin de rike rhythmen en lûden. Dat each en ear fan de dichter bysûndere gefoelich binne, fornimt men fral yn de lêste ôfdieling fan dizze bondel: fersen as Midsimmer, De Hantwizer, Skipperswiif, De Staech, binne bûten kiif pronkstikjes fan fisy en byldzjende krêft. Yn In String Fersen (1934) jowt de minske him gâns fierder bleat, al is it gefaer fan esthetisisme net alhiel fordwoun. De uterlike sier fan it fers is forsobere, de ynderlike needsaek hat woun; de eksistinsje wurdt sterker as de fegetaesje. De dichter sil oer in drompel moatte, sil er ta nije skepping komme, sa komt it jin oan. Sûnt hat er as dichter sa goed as swijd. Inkelde proazastikken binne apart útjown, - Idylle (1929), Dominé (1936), - mar fierder hat de wittenskip him opeaske. Dat de literatuer net bûten syn eachweid is kommen to fallen, biwize net allinne syn stúdzjes oer Starter, Gysbert Japiks en Joast Halbertsma, mar mear jitte dy oer Fryske Styl, De Fryske Fjouwerrigel en oare ûnderwerpen. Nou't Brouwer nei syn professoraet yn Grins (1941-'56) him wer alhiel op Fryslân weromlutsen hat, mei der jit in swiden bloei forwachte wurde. | |
[pagina 249]
| |
9. Fedde SchurerFan de skriuwers, dy't om 1920 hinne nei foaren komme en dy't allegearre mei ûnder Jongfryske ynspiraesje steane, al kin gjinien Jongfries hjitte, hat Fedde Schurer wol de greatste bikendheit krigen. Hy is yn Fryslân de dichter by útstek, meije syn biweechlikens en roerigens dan ek suver ûnfrysk wêze; gjinien hat sa as hy de ivoaren toer mijd en sa fan alle beammen yn it libbenshôf de fruchten plôkje wollen. Schurer is yn 1898 to Drachten berne, mar syn folk, in grifformearde arbeidershúshâlding, forfear al gau nei de Lemmer. Dêr wied er earst timmerfeint en sûnt 1919 ûnderwizer yn de kristlike skoalle. Al gau kaem er foarenoan yn de Fryske biweging to stean en inkelde jierren letter ek yn de fredesbiweging en de kristlik-demokratyske politike partij. Syn anti-militarisme wie de oanlieding, dat er spul mei it skoalbistjûr krige, dêr't syn ûntslach út fuortkaem. Fan 1930-'46 hat er yn Amsterdam it iepenbier ûnderwiis tsjinne en sûnt is er op it Hearrenfean as journalist wurksum. Hied er yn Amsterdam al ris in skoft foar de C.D.U. lid west fan de Prov. Steaten, yn 1956 waerd er foar de P.v.d.A. ta lid fan de Twade Keamer bineamd. Net nei to gean is it tal kearen, dat er op iepenbiere gearkomsten sprutsen of foardroegen hat. It útkommen fan Schurer syn earste bondel, Fersen (1925), wie foar mannichien doe in reden ta blydskip; it wie nei tsien jier fan humanistysk-idealistyske sweverichheit ek in forromming. Leafdefersen, godstsjinstige poëzij en striidlieten stiene der yn, dúdlik jong wurk, oprjocht, tige spontaen en bigryplik. De ynhâld is frij tradisioneel, de rhetoryk mist der ek net yn, mar de oandriuw, de hertslach, de geastdrift, binne libben en wier. Fersen as De Wolken, (fgl. Iris fan J. Perk en The Cloud fan Shelley), De Skeper, Offerjefte, War Dy, e.o. sille elkenien, dy't him yn de Fryske skriftekennisse bigjint to jaen, daliks oansprekke. In al to greate maklikens yn de omgong mei rym en fers-foarm en in foarleafde foar de dichterlike anekdote, de ‘pointe’ en de slachsin, kin men de skaedkanten fan dit wurk neame. Utflecht (1930) kaem mei kunstiger en ek technysk gâns fynder wurk, ek mei mear literaire glâns jitte as yn de earste bondel. De toan is fêster en manneliker wurden, it dichterlike boadskip yn folle ding riker. Ek hjir ûntbrekt yn de anekdotyske en aktuele fersen net altyd it guodkeape effekt, mar wiere poëzij as De Lietsjesjonger en Op de tromme biwiist dochs, hwat Schurer yn dit soarte kin. In ynlik tsjûgenis fan - tagelyk klassyk en modern - kristlik dichterskip jowe de sonnetten fan Kyrie Eliëson en De Stumper; in modern lûd brekt troch yn Jabbok. | |
[pagina 250]
| |
De dichter bilydt ta twa wrâlden to hearren, mar trou oan de iene bitsjut foar him gjin ûntrou oan de oare. In trochgeande ûntjowing is to merken yn Op alle Winen (1936; de bibliofile útjefte Twiljocht, 1935, is yn dizze bondel opnomd). De oergong fan doarp nei wrâldstêd bliuwt net sûnder gefolgen; it lûd is hwat ûnwisser wurden, der brekt hwat fan twivel en synisme yn troch, - de dichter fielt him ‘in wiffe flagge dy't op alle winen slacht’, - it lân leit der net mear sa sljocht hinne as earst wol. Dochs wint, lyk as altyd yn Schurers wurk, de leafde it; de leafde ta de minske, ta de frou, ta de ierde, ta God. Gol en foldédich jowt dizze dichter, tankber foar hwat er krigen hat, altyd earder loovjend as kleijend. De fjirde bondel Fen twa wâllen (1940) tsjûget fan in greater moderniteit, in pynliker twaspjalt, in loslitten fan literaire omballingen. Technysk is Schurer njonkenlytsen yn steat ta hwat er wol, geastlik is de kleau tusken yntellekt en bernlik leauwe greater wurden. It dichterportret stiet fêst, al sille inkelde trekken jit foroarje. Dat is al bard yn Vox Humana (1949), in bondel mei wakker ûngelyksoartich wurk, net al to kritysk skifte. Der is gâns gelegenheitsdicht by, gâns wjerklank fan de oarlochsjierren ek. Mei fan it moaiste fan it hiele boek sit yn de Kwatrinen; ek it fers in memoriam A.M. Wybenga is ienfâldich, geef, dêr sit gjin sabeare mear yn. De bondel Fingerprinten (1955) foeget hjir amper nije fasetten oan ta; ek hjir is tofolle fakwurk gearbrocht, ek hjir kippe de Kwatrinen der út. De einichste konfrontaesje komt yn it sicht, in wémoedige toan klinkt troch, mar de leafde bliuwt. Faeks, dat de tokoarten dêr't dit dichterskip mei tangele sit, hwat paradoksael sein, de oarsaek binne dat Schurer sa'n goede oersetter is. Dat docht wol bliken út forskate fersen yn syn bondels (John Donne!), mar mear jitte yn de aparte útjeften: Heinrich Heine (1931); Lof fen alle Tiden (1934); It Boek fan 'e Psalmen (1947); Frysk Psalm- en Gesangboek (1955). Hwat er sa foar de godstsjinstige dichting en foar de kristlike tsjerke yn Fryslân ta stân brocht hat, is net gau genôch nei wearde to skatten. Hjir en dêr koe it effen minder literair wêze, mar yn it ginnerael moat men de greatste biwûndering foar dit wurk hawwe. De Psalmbiriming en it bibelsk drama Simson binne mei de Gysbert Japikspriis bikroand. Schurer is lyrikus; it epyske fers leit him net sa bot. Yn it dramatyske genre binne de lyryske einen ek faek fierwei it bêst. Bûten in stik-trije stikken foar folkstoaniel (Thúsreize; Hil is út 'e rie; Ynkertiering), hat er yn 1936 in lekespul yn fersen, It Boadskip, skreaun. Great fan opset en fan slagjen is Simson (1945), in bibelsk drama, dat itselde jier ek yn Hollânske fortaling útkommen is en dat, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk, treflike útfieringen bilibbe hat. It bibelsk rea- | |
[pagina 251]
| |
FEDDE SCHURER
| |
[pagina 252]
| |
lisme, de aktualiteit (striid tsjin frjemde bisetters!), de libbene muisklikheit, de linige fersifikaesje, it moaije, bloedwaerme Frysk, dat allegearre tilt dit stik ta in hichte, dy't yn Fryslân mar selden foarkomt. Net earlik dêr oan ta komt Bonifatius (1954; ek dit histoarysk spul hat de skriuwer sels yn it Hollânsk oerset). Wie Simson hielendal yn fersen skreaun, Bonifatius jowt in ôfwikseling fan poëzij en proaza en hat ek minder faek in lyryske ynslach. Schurer syn bysûnder fakmanskip wurdt ek hjir wer biwiisd yn tael, rym, rhythme, petearfoarm; syn stean mei it folk, syn kar foar Kristus' boadskip, syn leafde foar it âlde Dokkum (Branda's fisioen!), komme op oertsjûgjende en soms ekstatyske wize ta utering. Hwat Schurer yn de rin fan de jierren oan forheljend en skôgjend proaza jown hat, is gjin bytsje en ek net sûnder fortsjinste. Net op dat gebiet lykwols leit syn bitsjutting, al sprekt der in goed taelman en in skerp yntellekt út. Mei er yn de polityk en yn de striid fan de mieningen partij wêze, syn dichterskip is foar hiele Fryslân. En it folk, dêr't er it iens en forgoed mei weage hat, hopet dat de fruchten fan de jountiid net earmer en minder wêze meije as hwat it moarnsskoft oplevere hat en hwat de middeijefte oan rykdom skonk. | |
10. D.H. KiestraDouwe Hermans Kiestra, yn 1899 to Tersoal út boerelaech berne, is sels ek boer wurden en hat op in pear jier nei altyd yn de Legeaën wenne. Yn de tweintiger jierren wie er ien fan de foarmannen fan de Jongfryske Mienskip en yn dy har blêd hat er doe ek skôgingen jown, dy't foar it forstean fan syn geastlike figuer net sûnder bilang binne, byg. ‘De Tsjerke yn Fryslân’ (De Nije Mienskip, 1927-'28). Hy publisearre ek fersen, proazawurk en boerebrieven, dêr't in apart en eigen talint út spriek. De krisis yn de tritiger jierren forsterke tige syn solidariteit mei de Fryske boerestân en hy socht mei mannen as Rintsje Sybesma en Jan Melles van der Goot, - boeresoannen lyk as hy en ek fan frijsinnich komôf, - nei middels om de agraryske delgong to kearen. Dat, en syn krityske fisy op de demokratyske steat, mei syn wjeraksel fan de konfessionele polityk, hawwe him de nasionael-sosialistyske kant opfierd; hy naem op dat front yn Fryslân tidens de oarloch in striidbere posysje yn, - sjoch de jiergongen fan It Fryske Folk, 1941-'43, - hy hat dêr neidetiid ek de gefolgen fan ûnderfoun. As ‘a wiser and a sadder man’ stiet hy sûnt yn Fryslân, dat him mei earbied bijegenet as in trou soan, in geef minske en in great dichter. Hat in dichter as Jelle H. Brouwer yn syn wurk faek hwat weaks | |
[pagina 253]
| |
en subtyls, Kiestra dêrfoaroer is de dichter fan it mannelike, sonoare lûd, fan de striid en de wrakseling, fan de dynamyk yn de natuer. Dy natuer is altyd bywêzich, soms as seine en flok tagelyk. Hja wol yn harsels rêste en wurdt skraechwurk fan de minske bitwongen; de boer binammen kin hearsker en stjûrder wêze wolle, mar hy moat bilies jaen; efter al it natuerlike spanne kosmyske krêften tsjin him gear: it Al-iene, de Skepper, God? Selden dat der gjin mystike of religieuze groun ûnder Kiestra syn wurk leit, mar it is net maklik to sizzen, oft dy groun as heidensk of kristlik bineamd wurde moat. De earste bondel fan Kiestra wie Efter it Oargel (1935). Gjin idyllyske natuerforhearliking sil men hjir oantreffe, mar folle mear in bisef fan minsklike ûnmacht foar ûnbikende, titanyske machten oer. Ek it boerewurk is opnommen yn de spanning fan tiid en ivichheit, fan skeppingsdrift en needlotsbisef, fan ienling en mienskip. Sadwaende krije greate fersen as Oan 't heamiel gear, Tonger biwaeit, Swelle-stoarm, by al har bining oan de werklikheit dochs hwat dat har op heger plan hevet: it natuerbarren wurdt ta natuersymbolyk. Sinne op 'e striesek (1948) is in bondel mei in persoanliker aksint. De dichter forkeart fanwegen syn politike hâlding yn de oarloch yn it kamp en komt dêr ta in foarm fan geastlike ynventarisaesje en registraesje: gjin skuldbilidenis foar de minsken oer, mar it oardiel wurdt oan God oerlitten (sjoch: Twaspraek; Biswarring). De leafde ta de alderneisten en ta de natuer is bleaun en wurdt lottere en fordjippe. In fers as It Ljocht hat al it streamende, magyske, suver foarmleaze, dat de fersen fan de trêdde bondel, It jier yn 't roun (1955), sa sterk typearret. De gong fan de seizoenen bringt it boadskip fan it ivige ‘Stirb und werde’ en fan de minske wurdt frege him willich to foegjen yn it donkere riedsel. In lûd, dat oan de Dútske mystyk bisibbe is, kriget hjir by nou en by dan in bitsjoenende formule. As proazaskriuwer is Kiestra mear naturalist as mystikus; út in geef stik as Mascotte (yn Fryske Sketsen, 1934) die dat al bliken; út In skreach mei apels (1936, boerebrieven) koe dat ek opmakke wurde, mar yn de novelle De Frouljue fen de Fetweider (1939) kaem dat suver útdaegjend en programmatysk ta utering. Sok proaza rekket it greate, mar giet geastlik bisjoen roerdend by de ôfgroun lâns; soms hat men oanstriid it hybris to neamen. Inkelde toanielstikken fan Kiestra (Jehannes-Ruerds-jonges, 1932; In swiere sile, 1936) passe goed by syn fersen en proaza; technysk masterskip blykt der net út, mar wol in sterke ynspiraesje. Omgriemen mei wurden en bigripen wie nea hwat foar dizze skriuwer, dy't yn stûfe earnst en ynbannige soberheit bisocht hat utering to jaen oan hwat syn wêzen op 'en djipsten bifruchtet en biweecht. | |
[pagina 254]
| |
11. Inkelde oarenIt byinoarbringen fan de skriuwers, dy't yn dit haedstik bisprutsen wurde, ûnder de gearfetsjende bineaming ‘Jongfryske skriftekennisse’, moat mear út maklikens as út reedlikens forklearre wurde. In foar allegearre jildende ynhâld hat dy oantsjutting ommers net; dêrta wie der ek fierstomin bliuwend forbân en mienskiplik libbensforstean. De skiednis soe forkrêfte wurde, as men sok in ienheit byinoarbouwe woe. Dochs binne der de generaesjes, dochs is der de ynfloed fan it tiidsbarren, dochs is nea to ûntstriden dat de Jongfryske biweging oan gjin skriuwer of dichter fan nei 1915 samar foarbygien is. Mei de ien mear fan hûs út of fan himsels meikrigen hawwe, mei in oar hwat langer ûnder de hypnose fan Kalma bleaun wêze, allegearre binne tankber foar en bliuwe gâns skuldich oan de fornijing fan 1915. Skriuwers en skriuwsters as Obe Postma, Simke Kloosterman, Reinder Brolsma en Rixt, sil gjinien mei goed fatsoen ta de Jongfriezen rekkenje kinne; op syn heechst binne it foarrinders, mar sa'n wurd ropt al gau misforstân op. Jongfryske skriuwers binne Tolman, Sybesma, Kalma, Marten Baersma, en fan in hwat lettere lichting Jelle H. Brouwer en A. Jousma; by Pyt van der Burg heart al in fraechteken to stean; B.R.S. Pollema hat him wol in skoftlang yn dit formidden jown, mar heart neffens jierren en wurktrant by de skriuwers, dy't nei 1900 nei foaren kamen. En dan binne der, dy't har jerne fan 1915 bifruchtsje lieten, mar dochs eigen wegen keazen: hja, dy't earst nei 1920 foar it earst of goed oan 'e gong slagge binne: E.B. Folkertsma, Fedde Schurer. Douwe H. Kiestra, Gerben Brouwer, Inne de Jong, S.D. de Jong en Bouke Tuinstra. Oer fiif fan dizze skriuwers hjir jit in koart wurd. Ane Jousma, berne yn 1900 yn Wester-Nijtsjerk, sûnt lange jierren ûnderwizer yn Den Haech, sette al jong mei de publikaesje fan syn fersen útein. Hy hie hwat fan Tolman en Kalma, stribbe nei in swiere, forheftige utering en socht it dêrby ornaris yn it oerladene dichterlike ornamint. De rhetoryk lei der soms tsjok op en it moade-jargon waerd lang net altyd mijd. Letter krige syn wurk mear in eigen stal en styl; yn de bondel Kimelûd (1940) is it lek en brek fan it bigjinwurk wol net fordwoun, mar der stiet ek hwat oars foaroer: in ‘geastlik’ dichter, mei oanstriid ta mystisisme en synkretisme; ien dy't greate ûnderwerpen siket, dy't er mar in inkelde kear hielendal oan kin. Oer syn toanielwurk wurdt letter skreaun; hjir heart de histoaryske forbylding Redbad as in foars bisykjen neamd to wurden, dat de nammen Kalma en Schurer yn it sin bringt, mar dêr net oan ta komt. Gerben Brouwer (1902, De Hommerts; ûnderwizer) is sjonger en | |
[pagina 255]
| |
oars neat. Hy is in man fan stimming en wikseling, fan opstiging en delgong, fan wurgens en wille; gjin niget, dat syn iennichste bondel Weagen (1934) hjit. Mei Folkertsma, Schurer en Inne de Jong foarme er yn de tweintiger jierren in boun fan geastlike sibskip: alle fjouwer wiene fan orthodoks komôf, sochten yn trou oan it âlde nei nije wegen en stiene tichter by de neo-romantyk as by de moderne saeklikheit. Dat lêste blykt yn Weagen ek dúdlik. Brouwer siert syn wurk graech op, makket der muzyk fan, biwûnderet de cantilena. Mar hy kin net út syn eigen tiid wei flechtsje, en sa ûntstiet der in brek. Dit wurk kliuwt ta de hichten fan Peaske en Himelfeart en falt del yn it sarkasme fan Merk. Alle toanen fan de lyryk wurde oanslein: fortwivele roppend, bernlik smeekjend, greatsk tsjûgjend. Der sit yn dizze poëzij soune folksaerdigens en siik synisme, der is lof en flok, tank en wanhope, sûging fan stof tsjin geast. Fan de hymne oer de boutade nei de negaesje lizze mar inkelde stappen. De dichter lijt oan syn tobrutsenheit: hy mei net boppe op de berch bliuwe, hy kin it dêr ûnder op De Forflokte Groun net úthâlde. Hat er himsels útsongen, stilsongen? Dan is syn bondel it forslach fan in krisis. Inne de Jong (1894, Nijemardum; ûnderwizer yn Amsterdam) hat syn measte poëzij op letter jierren skreaun en hat ek let bondele: Harstwiich (1939). As skriuwer fan striidproaza hied er al earder toand in man fan feart en faesje to wêzen; deselde fuortgong en linige flecht sit ek yn syn dichterlike produksje. In man mei in iepen hert, ien hwa't de dingen gau oan it moed komme, rap fan utering, leaver fan literaire sier, sa komt er de lêzer oan. Syn wurk is sjongend, loovjend, forhearlikjend: it nimt de ‘bloeijende ierde’ oan, mar ek ‘it oare lân’, it sjocht de ellinde, mar wit ek fan forlossing en tankberheit. Lyk as faker by kristlike dichters, hat ek De Jong oanstriid ta it rhetoarysk effekt, fral om't hy min yn de steat fan tobrutsenheit tahâlde kin. Syn bihearsking fan tael en ferstechnyk, syn nei it romantysk-idealisearjende útskaeijende natuer-en-leafde-lyryk, syn waerme minsklikheit en oprjocht leauwe, forgoedzje sa'n tokoart lykwols fierhinne. Goed fakmanswurk hat De Jong levere mei syn oersetting Kwatrinen fan Omar Khayyám (1955), in biwurking nei it Ingelsk fan de forneamde Rubayyát fan de Perzyske dichter, dy't om 1100 n. Kr. libbe hat. Ek hjir treffe deselde eigenskippen - technyske handigens, firtuositeit, rhetoaryske ynslach, skerp taelgefoel - mar hjir binne it stik foar stik deugden suver. In stik wurk, dêr't de dichter Fryslân en de wrâld op kundige wize yn taïnoar brocht hat. De leafde foar it gea fan syn jonkheit hat De Jong útskreaun yn in pear moaije jongesboeken (Jonges fan Gaesterlân; Nije aventûren). In bondeltsje fersen, dat der yn dit selskip hwat útrint, is Hwet | |
[pagina 256]
| |
foarby gie (1929), jeugdfersen fan L. Martena, skûlnamme foar Sibe Douwes de Jong (1897 Stiens-1951 Ljouwert; journalist). Dizze praetpoëzij is neffens de skriuwer ‘útjown as protest tsjin de geast fan it literaire academisme’ en sil wol as in persoanlike reäksje op tofolle jongfriezichheit opfette wurde moatte. De wearde fan it boekje leit, mear as yn it skriftekundich-moaije of -bysûndere, yn it feit dat it in tiidsstreaming, in geastlik forwar, in biskaet modernisme yn Fryslân fortsjintwurdiget. Njonken sonnetten fan it bikende soarte steane hjir ommers pessimisme, synisme, kritisisme en oare romantyske jonkheits-kwalen, mar it bliuwt hwat oan de bûtenkant. Men glimket earder by it lêzen, as dat it jin troch de siele skuort. By einbislút binne de ‘earnstige’ fersen jit de bêste fan de hiele smelle produksje. Oer it (bilangriker) toanielwurk fan De Jong wurdt fierderop skreaun. Yn syn forheljend proaza hat er genôch flottens, mar to min djipte; ek de taelbihearsking kin lang gjin sprekken lije. Syn stribjen, yn de milieu-tekening hwat mear libben en forskaet to bringen, moat mei eare neamd wurde, (sjoch byg. ‘De van Wramens’ en ‘De Pelikaen’, It Heitelân, 1929-31). In skriuwer, - ien mei in apart talint, in greate leafde ta syn fak, mar spitigernôch in to biheind oeuvre, - dy't neffens syn jierren hjir thúsheart, mar ek yn it folgjende haedstik oan bar komme kinne soe, is Bouke Tuinstra (1900, It Hearrenfean; notaris to Wommels). Prozaïst op en út, is er tûk opmerker, skerp karakterbylder, goed komponist. Yn de bondel Fryske Sketsen (1934) foei in forhael fan him op: Sang fen 'e Sé. Sentimenteel, grif; as it nypt ek earder âlderwetsk as modern; romantysk, ja, mar seldsum krekt fan waernimming en sfear. Syn greate novelle Hwet scil it libben ús bringe (1937) is, mei har tokoarten, ek in treflik wurkstik; it hat minder fordjipping as Sybesma syn proaza, mar dizze skilder wit lykwols syn pinsiel en palet to brûken. Beide sketsen binne opnommen yn Earste Keur (1949), in lytse samling fan wurk út de jierren 1932-'37. Wurk fan in eigen soarte en dêr't in skriuwer oer gear west hat, - dit proaza is fan alle kanten bisjoen, bislipe en bihoffene, - dy't wit hwat literaire forantwurdlikheit is. It gefaer, dat de technyk de geastlike spanning weinimt, wit Tuinstra lykwols net altyd to ûntrinnen. | |
12 ToanielskriuwerijHat de folksskriuwerij nei 1915 tige fan in delklap to lijen hawn, de toanielskriuwerij, dy't der dochs nau mei forboun wie, ûntjoech har | |
[pagina 257]
| |
yn deselde rjochting as foardetiid. Der waerd hjir en dêr hwat mear nei in heger plan stribbe, it idealisme bigoun it fan romantisme en realisme to winnen, mar fan in brek, in omkear of in radikale fornijing is gjin sprake. Typearjend foar de tiid wiene stikken as De greate striid (1917) fan J.J. Hof, in biwurking fan syn novelle, great fan opset en mei folle fortsjinsten, mar psychologysk net slagge; en de twa ‘forfryskingen foar it toaniel’ neffens de roman Jörn Uhl fan de Holsteinske dûmny Gustav Frenssen: Uleboers Jurjen (1917) fan Hans Hoen, en De Abbema's (1920) fan W. Japiks, de skûlnamme fan Jaep Winkelman. In oarspronklik toanielstik fan Hoen, Stribje (1922) rint der yn de toanielproduksje út; it stiet ûnder ynfloed fan Ibsen, mar jowt ek blyk fan eigen fisy.Ga naar voetnoot1) Folksskriuwers mei idealistyske ynslach, goed-wollend mar mei to min technyk en taelkultuer, wiene Joh. A. Noordenbos, dy't om 1920 hinne in stik as acht stikken jown hat (Aldersûnde, Britsen Blommen, e.o.) en Hette Reitsma. De man, dy't it op dit gebiet it fierste bringe soe, wie Barend van der Veen: in earnstich wurker, dy't net gau bilies joech, dy't de folkstoan wist to pakken en it moralisearjende elemint soms net sunich syn gerak joech. Hwat hy yn de rin fan de jierren - earst as ‘Barend en Martsje’, letter yn it famyljeforbân fan it Lyts Frysk Toaniel - ta stân brocht hat, kin Fryslân gerêst wiis mei wêze. Hawwe de earste fiif jier fan de Jongfryske biweging in bloeitiid fan de lyryk brocht, nei 1920 kaem der ynienen mear niget oan it toaniel. Douwe Kalma sels keas mei syn fersdrama's in nije wei; it eksperimint mei it Jongfrysk Toaniel wie net fan lange dûr, mar foarme dochs in haedstik op himsels. In forbining tusken folks- en kunsttoaniel, dy't gauris hwat fan in kompromis hie, hawwe de Jongfriezen Jac. P. Wiersma (1894, Hallum; journalist) en Ane Jousma bisocht to lizzen; de earste soarge foar in greate produksje, dêr't mar inkelde toppen yn foarkomme, - syn wurk fan nei 1930 komt letter to praet, - de lêste naem it minder maklik op en birikte in inkelde kear hwat betters (It libben ropt, 1934; Needlot, 1925; As it driget..., 1934; De gouden fûgel, berne-operette). Ien dy't grif yn 't skaed fan, en by greatere produksje fêst njonken Schuitmaker en Canne stean koe, wie Sibe Douwes de Jong. Yn Frâns | |
[pagina 258]
| |
Winia (1930) biskriuwt er in houlikskonflikt en wit er troch goede psychologyske tekening it ‘happy end’ folslein oannimlik to meitsjen. Syn twad stik, Hwa't ienris stroffelet (1934) komt hjir net earlik oan ta. Opmerklik is, hoe't om 1930 hinne forskate Fryske skriuwers, dy't mei proaza of poëzij har spoaren al fortsjinne hienen, it mei it toaniel bigjinne to probearjen. Fan J.H. Brouwer en B. Tuinstra is der in modern stik, in ‘spul yn mineur’ sa't hja it neame, As dy oare der net west hie... (1929). Sawol Reinder Brolsma (De Nôtharne, 1939) as Douwe H. Kiestra en Fedde Schurer hawwe stikken op har namme stean, dy't der wêze meije, al rinne hja der mar in inkelde kear út. | |
Neisjen:2. Oer Rixt: prof. dr. J.H. Brouwer yn It Heitelân, 1953, s. 7; Fokke Sierksma yn De Tsjerne 1953, s. 53. - Oer Rinke Tolman: dr. G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân, II, s. 469-473. 3. Oer D. Kalma: Stikken fan himsels yn Sljucht en Rjucht, 1923, s. 629; 1927, s. 566; Bodders yn 'e Fryske Striid, s. 704. E.B. Folkertsma, Eachweiding, s. 105. F. Schurer, De Tsjerne, 1953, s. 324. In forslach fan de deadetsjinst yn in apart boekje: Ta de oantins fan Douwe Kalma, 1954. 4. Oer E.B. Folkertsma: Wumkes, Paden II, 507-511. 5. Oer Matten Baetsma: D. Kalma, ynlieding ta De Ljochte Kimen, 1925. Deselde, ynlieding by De Jonge fan 'e Marsheide, 5te pr., 1948. Ek: Wumkes, Bodders, 683. 6. Oer R.P. Sybesma: prof. dr. J.H. Brouwer, Fryske Styl, 1952. 7. Oer P. van der Burg: Yke R. Boarnstra, Waeksen Ark, 1945, s. 91-105. 9. Oer Fedde Schurer: Yke R. Boarnstra, Waeksen Ark, 1945, s. 52-89. Sjoch ek: Middei-jefte (bibliofile útjefte op Schurer syn 50ste jierdei). In materna lingua (by de útrikking oan F.S. fan de Gysbert Japiks-priis). Anne Wadman, Kritysk Konfoai, 1951, s. 173-192. 12. Sjoch dr. Y. Poortinga, It Fryske folkstoaniel (1860-1930), 1940. |
|