Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 198]
| |
1. Algemien oersjochIt is in nuvere feestrede, dy't Waling Dykstra yn 1894 by de bitinking fan it fyftichjierrich bistean fan it Frysk Selskip hâldt. De Fryske tael sil de striid om har bistean op 'en dûr net folhâlde kinne, hja hat de tarring, seit er dêr plan-út. Lykwols, wy wolle de boel net oan it lot oerlitte en, al is de hope swak, wy hâlde fol mei ús geskrep... De leedoansizzer liket mei gauwens gelyk to krijen. Ein 1895 moat it tydskrift For Hûs en Hiem, dat de lêste fiif jier ûnder de lieding fan Tsjalling Eeltsjes Halbertsma neffens uterlik en ynhâld in gâns lytser formaet krigen hie, ophâlde to forskinen. Itselde jiers komt ek De Bijekoer, it jierboekje dat in heale ieu lang de folksskriuwerij rom bod jown hie, foar it lêst út. Mei yngong fan 1896 wurdt it Selskipstydskrift Forjit my net op de helt bilytse en de samler, Onno H. Sytstra, set dy jiergong yn mei in swiersettich en moedeleas ‘wird foarôf oan ús lêzers.’ It is ek sa'n minne en krappe tiid: de lânboukrisis hat Fryslân hurd oanpakt; it ledetal fan it Selskip sakket, de krêften binne swak, de moed en it bitrouwen lyts. En ûndertusken kringt de nije tiid mei al syn foroaringen hyltyd fierder en flugger yn it lytse Fryslân troch. Mar sjoch, mei in pear jier, jit foar de ieukear, wize de tekens al frijhwat oars. Yn 1897 wurdt dokter Eeltsje syn bertedei bitocht en dat ieufeest ropt nij libben wekker. Bûten Fryslân wurde der kriten of Fryske selskippen oprjochte, dat ‘om utens’ bigjint mei to spyljen. It wykblêd Sljucht en Rjucht kin op 'e nij forskine - yn 1890 wie it ek al in jier bisocht - en wurdt ûnder lieding fan Waling Dykstra yn de kommende jierren in kweekplak en taflechtsoarde fan de folksskriuwerij, al wurde der ek wol mear persoanlike lûden yn heard, Fan dr. J.B. Schepers komt der in bondeltsje fersen yn it ljocht, foar dy tiid apart wurk, dat yn de stavering de ynfloed fan de nijere taelstúdzje útkomme lit. Dr. Foeke Buitenrust Hettema (1862-1922), in Fries dy't de wittenskiplike stúdzje fan syn tael net oan de Dútskers (byg. prof. dr. Theodor Siebs, Geschichte der friesischen Literatur, 1902) of de Ingelsken oerlitte wol, bigjint, al wer datselde jier 1897, mei syn kolleezjes oer it Frysk oan de universiteit fan Utert. Der sit hwat nijs en hwat goeds yn de loft. Jan fan 'e Gaestmar bigjint to skriuwen, wurdt troch Hepkema nei Fryslân helle en jowt de Fryske lêzers al gau syn ‘Drankjes’ yn. It earste fers fan Simke | |
[pagina 199]
| |
Kloosterman út de bondel Ruth is fan 1898 en dr. O. Postma hat syn ‘De boerinne fan Surch’ yn 1900 skreaun. Yn deselde jierren jowt Madzy (skûlnamme fan juffer J. Terpstra) har to min achtslein wurk: forskate fersen en sketsen, dêr't in suvere ienfâld en froulikheit út sprekke. It earste toanielstik fan Schuitmaker komt yn 1902 út, fan Canne yn 1905, wylst Reinder Brolsma syn earste publikaesje yn Sljucht en Rjucht fan 1903 forskynt. Yn deselde snuorje wurdt der writen dien it Frysk ûnderwiis op poaten to setten, de Lytse Fryske Spraekleare fan Postma en de Clercq is fan 1904, der komme tael- en lêsboekjes foar de bern en ek wurdt der bisocht de forbiningen mei Noard-Fryslân nauwer oan to heljen. Der komt forset tsjin de bifoardering fan de nocht en wille-sfear en fan forskate kanten wurdt oanstien op mear dregens yn de taelbioefening. Hof en syn maten rjochtsje yn 1905 it Boun Jong-Fryslân op, tagelyk komt der ek in Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân en trije jier letter stiftsje ds. S. Huismans en dr. G.A. Wumkes it Christlik Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse, dat yn 1909 mei in goed tydskrift Yn ús eigen tael, ûnder bistjûr fan de lêste, úteinset. Ien as Sjouke de Zee bigjint it Frysk rounom op iepenbiere sprekkerijen to brûken en de saek fan it Frysk yn Ried en Steaten en yn de rjochtseal komt mear as ienkear oan 'e oarder. Genôch feiten en jiertallen om to biwizen, dat der hwat to rêdden is. De oarsaken fan dit nije libben en de forbiningstriedden tusken al dy forskynsels oanwize, falt net ienris ta; it liket allegearre fansels en natuerlik to kommen. De Hollânske biweging fan de Tachtigers stiet der bûten, lyk as hja ek Piter Jelles en Sikke Koldyk frjemd west hat. Jan fan 'e Gaestmar set fan Gezelle en Longfellow oer en Sipma fan Schiller; Shelley komt earst nei 1915 yn de bineaming. De Fryske skriftekennisse stiet iepen foar ynfloeden en giet dochs har eigen gong; de iensidigens en it biheinde eachweid fan de formoralisearre folksskriuwerij wurde stadichoan as in tokoart sjoen en party skriuwers fiele, dat it ûntbrekken fan in soune krityk in wantastân is. Aldergeloks binne de ûntofredenen, de striidberen en de ienlingen der ek jitte. Gerben Postma skriuwt mar ta, al wurdt er net altyd forstien en wurdearre. Sipma en Canne wize nije wegen en roppe om fûlder striid. In geastdriftich Jong-Fries, Lolle Piers de Boer fan Makkum, jowt yn Forjit my net 1907 in skoander opstel oer ‘Jong-Friez'ne taek’. Piter Jelles forbrekt yn 1909 syn swijen ek foar in skoftke, yn de fersen fan Bokke Simens, mar fral yn dy fan Rixt - de trêdde frou nou al dy't yn in koart tiidsbistek as skriuwster nei foaren komt - slacht in waerm, hertstochtlik libben, dêr't in goefries oan diztiid ta op papier net fan reppe soe en dr. G.A. Wumkes bigjint mei syn stúdzjes | |
[pagina 200]
| |
oer it Frysk Reveil de Fryske siele oan to boarjen, dêr't dy it swierst tagonklik is: yn it godstsjinstige. De Bibeloersetting wurdt ek hwat avensaesje mei makke, de earste Fryske preken wurde hâlden en der komt by net-Friezen gâns mear niget oan it Frysk as foarhinne. En it Fryske aerd bliuwt by dat allegearre trou biwarre: party foarmannen hawwe it mar bannich mei har kwestjes, saken, striderijen en rûzjes en elk foar oar stiet tige op syn eare en op syn stik. Gjin minne jierren, dy fan 1897-1915. Grif trije boeken út dit tiidrek, - Rispinge, Ruth, Fryske Lân en Fryske Libben, - sille ta de Fryske klassiken hearre en dat is gjin lytse winst foar in folk, dat it fan 1500 oant 1800 mei ien boek, Gysbert Japiks syn Rymlerij, dwaen moatten hat en dat jit ûnwis is, hoefolle der út de 19de ieu bliuwend ynventarisearre wurde kin. It giet wolris hwat stiif en boargerlik en wiis en âldmannich en persoanlik om en ta, dêr yn de Fryske biweging fan de opgeande tiden fan foar de earste wrâldoarloch, mar dochs, der wurdt op hwat wachte. Elk fielt suver ûnbiwust, dat der hwat to barren stiet. As Waling Dykstra yn it bigjin fan 1914 stjert, is der ek foar Fryslân in ieu ôfsletten. Nei in swiere kream wurdt de Jongfryske biweging berne. | |
2. Onno Harmens SytstraOnno H. Sytstra (1858 Baerd-1939 Ljouwert), de jongste soan fan Harmen Sytstra, waerd lyk as syn heit skoalmaster, waerd ek Frysk strider en skriuwer. As feint al joech er him yn Ljouwert yn it krite- en Selskipslibben en mei in seldsume iver, trou, earnst en biskiedenens hat er dat syn hiele libben lang folhâlden. Yn 1881 joech er mei syn maet Piter Jelles de bondel poëzij ‘It Jonge Fryslân’ út; allinne al in goed fers as it feardige, folksaerdige en boartlike ‘Op it iis’ biwiisde, dat er hwat koe. Der soe op dizze bondel ek in samling proaza fan de jongerein folgje, mar doe wiene de beide maten al forgoed útinoarrekke. Yn 1885 waerd Sytstra roppen Colmjon as samler fan de Selskipswurkjes op to folgjen. In tige persoanlik stimpel hat er der net op sette kinnen: frijheit fan utering woe er graech oan elkenien jaen, mar syn lieding kaem nea folle fierder as in formoanjend en hwat prekerich skoalmasterjen; syn leafde foar Fryslân wie oprjocht en geef, mar foun gjin sterke foarm yn syn wurk. Fan syn heit hie er de fêstens, weardigens en ynbannigens, de stivens en stegens, mar net it profétysk lûd en de romantyske hertstocht. Evenredich en alderminst revolúsionair | |
[pagina 201]
| |
man as er wie, kaem er net earder yn forset as hwannear syn sterk rjochtsfielen oantaest waerd: sa yn de tiid fan de Boere-oarloch en letter fan de Jongfryske biweging; dan waerd er bitter en koe min forjitte en forjaen. Wiis en ynskiklik hie er yn 1915 gâns romte bean oan de opkommende jongerein, mar al gau achte er de striidwize fan dy dryste en redenrike feinten ûnfrysk en ûnfatsoenlik to wêzen. Dat hat him ek knoeid; hy stie der net genôch boppe en wie tofolle oare en rêstiger forhâldingen wend, dan dat er daliks bigripe en glimkjend ôfwachtsje koe. Hwat fan toloarstelling siet grif ek yn dy forwidering: moast it nije libben, dêr't er op wachte hie, him nou sa wyld en falsk uterje? Onno Sytstra syn literair wurk hat nea de forfolling brocht fan it ûnthjit, dat der fan it bigjin ôf dúdlik yn lei. Syn needlot wie, dat er efter de tiid oan kaem. Syn greate epyske fersen lyk as De Friezen, De Bruorren, Greate Pier, roppe mei har brede gong, drege tael, ryk stêfrym en soms weak gefoel, it oantinken oan de Fryske romantyk werom. Syn proaza stiket net út en is faken to biskôgjend. Yn de beide bondeltsjes mei har ûnpersoanlike titels Frysk Forskaet (1903) en Fen alles hwet (1906) is frijhwat fan dit wurk sammele, ek fan de learingen, lêzingen en kritefoardrachten. Hy hat fersen en proaza fan syn heit útjown, mar net sa, dat de neiteam dêr genôch oan hat. Fan bilang is syn taelkundich wurk; yn 1889 hie er mr. Ph. van Blom al holpen by dy syn ‘Beknopte Friesche Spraakkuns’, yn 1925 forsoarge er mei J.J. Hof de ‘Nieuwe Friesche Spraakkunst’; bûtendat joech er yn 1930 in samling opstellen oer tael en taelgebrûk, ‘It Frysk eigene’. Foar it Frysk ûnderwiis hat er ek tige folle út 'e wei set. | |
3. Johan Binnert SchepersJohan Binnert Schepers (1865 It Fean-1937 Haerlim) wie in soan fan de Grouster doarpsdokter, mar fan hûs ut it Frysk praten net wend. Mei Frysk skriuwen wied er foar it earst yn For Hûs en Hiem bigoun. Yn 1897 joech er in bondeltsje ‘Gedichten’ út, dat der yn it Fryslân fan doe yn mannich opsicht hwat útroun. De stavering wie der ien op eigen houtsje en frijhwat nei de Hollânske útskaeid; it die ek bliken, dat de skriuwer in fijân fan alle archaïsme wie. Net allinne lykwols, dat de ynfloed fan de nije taelwittenskip him tige op tael en stavering jilde liet, mar ek yn foarm en ynhâld fan de fersen sels koe men skoan hwat fan de geast fan de jongste letterkundige biweging yn Hollân fornimme. Net, dat hjir fan in alderpersoanlikste utering sprutsen wurde | |
[pagina 202]
| |
koe; elk koe dizze poëzij wol oanfiele en wurdearje, mar hjir klonk dochs in bliidsjongende of mimerjende, iepenhertige of skrutene toan troch, dy't hwat eigens hie. De greate ynset, it brede eachweid en de folksaerdige frissens fan Piter Jelles wiene hjir omdôch to sykjen, mar lykwols wie hjir ien dy't de Fryske literatuer ek yn de fornijing fan de Nederlânske diele litte woe. Gjin machtige bisieling rûze troch dit bondeltsje, gjin forfine taelmuzyk of oarspronklike bylding naem de lêzer mei, mar hjir wie earlik en ienfâldich wurk - taeigene oan de neitins fan Eeltsje Halbertsma - dat it hert frijút sprekke liet en de rhetoryk leafst mijde. Schepers hat it spitigernôch net fierder brocht as in goed bigjin. It needlot fan syn dichterwêzen wie net allinne syn taelearmoede, mar net minder de driuw om, bihalven in Fryske, ek in Nederlânske dichter wêze to wollen.Ga naar voetnoot1) Sûnt syn earst bondeltsje hat er hiel hwat skreaun, dat earne tusken rymwurk en poëzij yn hinget. Ornaris steurt de wrakke tael slim en is de ynhâld of to weak en slop, of tofolle bitocht en biriddenearre. In stael fan dit wurk is to finen yn de sonnette-rige ‘Pier Panders kinst ta eare’ (1925); de oare produksje yn de tydskriften is navenant, al sit der mear as ienris in goed fers tusken. De middelieuske klucht Nu Noch, dy't er frij forfryske hat as ‘Toemar’ (1906), en de Hollânske oersetting fan Piter Jelles syn fersen (‘Troelstra als Friesch dichter’, 1925), komme beide ek net boppe de smelle midsmjitte út. Schepers wie as skriuwer hwat in twaslachtige forskining. Syn epysk en epysk-dramatysk wurk, - binammen it trijedielige epos Bragi, 1900-'01, dat mei ûnder ynfloed fan Gorter syn Mei skreaun is, mar ek it ‘woudspel’ Alwin en it drama Radbout, - brûkte er allinne it Hollânsk foar, wylst er foar syn lyryske utering alderearst it Frysk keas.Ga naar voetnoot2) Hy hâldde sûnt syn stúdzjejierren as learaer Nederlânsk yn Hollân ta, mar hong to sterk oan Fryslân om dêr ek mei syn hert to forkearen. De âlderein yn Fryslân wie wolris mei him oan, omdat er nijerwetsk wie en syn Fryskkundigens gjin sprekken lije koe. Doe't er, mei syn breklike bihearsking fan it Frysk en syn foarútstribjende (en lang net altyd forantwurde) taelskôging, yn de Fryske biweging oan it forbetterjen slaen soe, waerd it bargebiten. Schepers, goed, evenredich en alderminst striidber minske, naem him dat sa nei, dat er yn Forjit my | |
[pagina 203]
| |
net 1900 in ‘Ta Ouskie’ skreau. ‘Yn 'e lêste jierren gong ik ek al folle útfenhûs nei in oare wente hwer mear romte yn is... dat wie den as 't my to eang yn 'e eigen klûs waerd. Yn dy Hollânske boargerwente hoopje ik de rêst to finen dy't ik siikje, mar der ek scil my altiten bybliuwe it tinken oan dy moaie âlde tiden fen mimerjen yn dat lytse taelhúske neist myn marke, hwerfen elke weach my koe’, seit er dêr. Mar hielendal ôffallich wurdt er net en kin er ek net wurde. Yn 1902 al wer haldt er foar it Selskip in fikse lêzing oer ‘Natûr en Kinst’ en yn 1907 publisearret er syn ‘Nije Fryske Gedichten’. Syn libben lang set hy him der foar, it oansjen fan en de kunde oangeande it Frysk yn Hollân to forheegjen en foar it Frysk ûnderwiis en alderlei oare folkssaken hat er mannich kear yn 't spier en yn 'e pleit west. By de Fryske jongerein foun er, as it der op oankaem, jit mear wurdearring as by de âlderein. Hat er as man fan stúdzje net altofolle ut 'e wei set, - oer Eeltsje Halbertsma mocht er graech skriuwe, lyk as ek oer de Hollanner Breero, - is er as dichter ek net wurden hwat er sa graech wollen hie, syn leafde foar Fryslan kin by gjinien yn 'e kiif stean. In bysaek of leafhawwerijspultsje hâldt net in foege heale ieu it hert yn bislach. | |
4. Jan Jelles HofJan Jelles Hof, sûnt 1897 as Frysk skriuwer bikend ûnder de skûlnamme Jan fan 'e Gaestmar, wurdt yn 1872 yn de Gaestmar, lyts doarp yn it hertsje fan it Súdwesthoekske wetterlân, berne út in âld skipperslaech. Yn syn jonge jierren forskynt er mar in bytsje yn skoalle, mar reizget safollestomear op de turfskûte hiele Fryslân en it noarden troch. Dat is syn sin oars net; hy kin goed leare en hy wol it ek, dat sil er skoalmaster wurde of licht wol dûmny? It is yn de Doleânsjetiid en Hof syn folk is fan de steile leare. De Hegemer dûmny Lútzen Wagenaar moat him mar ris hifkje en ûnderstean; hy wurdt lykwols gâns to licht bifoun en hat dêr ek alle frede mei. Yn 1891 rekket er as frijwilliger ûnder tsjinst nei Kampen en ridlik gau nei Haerlim. It bistean fan ûnderoffisier foldocht him fansels ek net, dat hy jowt him mei alle macht oan 'e stúdzje en binammen oan de taelstúdzje, dêr't er in bysûnder talint foar hat; hy wurdt in dreech en yn folle in typysk autodidakt. As er ‘samar’ oan it Frysk skriuwen slagget, rekket er dêrtroch yn 'e kunde mei twa oare Fryske skriuwers, dy't yn Haerlim wenje: dr. J.B. Schepers en Johan Winkler; meielkoar rjochtsje hja dêr it earste bûtenselskip ‘Gysbert Japiks’ op. Hy wurket mei oan Sljucht en Rjucht, - fan de lieder fan dat wykblêd, Waling Dykstra, tsjûget er letter: ‘Mar 'k earje yn Dy | |
[pagina 204]
| |
myn Master 't meast. Fen Dy ha'k skriuwen leard!’ - en ek oan de Selskipsboekjes. It biteart mei de soldaterij net sa bêst; yn 1901 komt er ûnder tsjinst wei en wurdt er op it Fean redakteur fan de Hepkema's krante (‘Nieuwsblad voor Friesland’). As Hepkema yn Ljouwert ek mei in ‘Leeuwarder Nieuwsblad’ bigjint, wurdt Hof dêr haedredakteur; sûnt is er yn Ljouwert hingjen bleaun. Oant op hege jierren is er op it stik fan taelstúdzje sawol as fan skriuwerij like warber en skrepsum as ea. Jan fan 'e Gaestmar is in skriuwer op de oergong fan de tiden en dat is in posysje, dêr't men gjinien mei lokwinskje kin: de lêste 19de ieuske Fryske skriuwer en dochs ien dy't dy ieu net foar syn rekken nimt. Hy is in man fan twaspjalt. Under ynfloed fan it Multatuli-rasionalisme rekket er fan it grifformearde leauwe ôf, mar troch sterke famylje- en tradysje-sin komt er der nea alhiel los fan. De dichter en de gelearde, it bern en de oerbiwuste âldere, de man fan de romantyske natuermystyk en de ûndergongsprofeet, de leauwige en de skeptikus, hja libje net inkeld, mar tsiere ek oanhâldend yn him meiïnoar. Hof is in folksbern dat sels syn paed mar sykje moast en doe nei in wei fan biswierlike foarming him iensum bifoun to wêzen; de disharmonij dy't safolle Fryske skriuwers pleage hat, forliedt him yn syn utering faken ta fûlens, striidberens en forsearring, ta in flecht yn de absolute útspraken. Mei sa'n persoanlikheit is it sa'n niget net, dat der yn Hof syn wurk in gearmjuksel is to fornimmen fan hurdens mei oanstriid ta bottens, en weake sentimentélens; fan soms al to maklike koartswyl en earnst, dêr't it melodramatyske to gau de oerhân yn kriget. Hy falt graech oan en docht dat dan meast gysten, lyk op de man ôf, rjochtút as de bargesnút. Mar njonken strider is er tagelyk en net minder dreamer: syn hast âldwrâldske romantyk uteret har binammen yn it hyltyd weromkommend idealisearjen fan bertedoarp en bernetiid, - byg. yn ‘Jelds klachte by't sjen fen boartsjende bern’ en ‘Myn doarpke’, - en sa fier giet dat, dat it ‘fredich doarpke’ út dizze wylde wrâld weitocht wurdt as in eilân fan lok en rêst. Hof hat mear hyperfryske eigenskippen nammers as dit strider- en dreamerwêzen: hy is ek earsuchtich, eigenwiis op it egosintryske ôf en heechhertich op it batske ôf. Forstân en gefoel lizze by him lang net altyd yn 'e blâns; dêr't er it forstân frij bod jowt, laet it ta frettende twivel; as it fielen oerhearsket, wurdt it gau oerstjûrens. By it lêzen fan Hof hopet men hyltyd op hwat goeds en greats, mar to faek is de klank net suver en fol genôch. Hwerom lit er dan syn sterke krityske ynslach by it eigen wurk ophâlde, hwerom komt er mar by útsûndering ta de synthese fan persoanlike forbylding en folksaerdige werjefte? | |
[pagina 205]
| |
JAN JELLES HOF
(Jan fan 'e Gaestmar) | |
[pagina 206]
| |
Dat wurk is wakker ûngelyksoartich. Yn 1906 joech Hof syn ‘foarste samling fersen’ yn de ‘Klankboarne’, in mânsk en moai forsoarge boek fan 227 siden mei ta motto ‘Der wâll't in klankboarne yn myn hert'.’ De dichter is ûnwennich fan it âldershûs en dreamt him werom nei it wetterlân; dat die Schepers ek, mimerjende-wei, mar Jan fan 'e Gaestmar, ûnder de ynfloed steande fan mannen as Bilderdijk en Da Costa, docht it sterk rhetorysk. Soms kin dat der krekt op troch en dan stribbet er Salverda op 'e side, al oertsjûget dy mear fan de needsaek fan syn utering. Soms rint it lykwols ek de spuigatten út; rigels as: ‘Kom bern! skien 't hert toskromf'let Yn bitter ôfskiedswé’, of ‘yetris, skimer-skierkjend, wif omrânne, yn sypjend hertewiet, leit foar him it fredichswiete, it nolke thús!’ fynt men fierstofolle. Dêr't er by de ienfâld bliuwt, falt er net yn it banale of pathétyske en rikt dan ynienen gâns fierder: Oan Libbens Ie, Feinteklachte, In dei yn 'e haeijinge, it lêste in libben skilderij dêr't men mei biwûndering nei sjocht. Yn syn foardrachten, (Trijeris is skippersrjucht, In teltsje út 'e fûgelwrâld, It Krystberntsje en syn Mem, ensfh.), in genre dat fan de tiid frege waerd, jowt er goede folksskriuwerij. De oersettingen, û.o. fan Multatuli, Hölty en Gezelle, binne troch de bank yn oarder, mar helje it origineel net altyd. In humorist is Hof net, al kin er wol geastich wêze; yn de punt- en slachrimen kin er Van der Veen, G. Postma, Faber en Wielsma mar inkeldris bilykje. Op it stik fan de tael kipt ‘Klankboarne’ der út; it idioom is ryk en geef, mar oerladen; archaïsmen binne der by 't soad; it stêfrym wurdt graech brûkt. Dy't Hof as dichter earlik bioardielje wol, sil lykwols alderearst nei de samling ‘Fan eigen tiid en folk’ (1951) gripe moatte. Ut it foarwurd docht bliken, dat de dichter fan ‘Klankboarne’ it boek as gehiel al gau net mear foar syn rekken nimme koe; dêrom hat er der foar de definitive samling mar in mennich earnstige en frijhwat koartswilige fersen út oernommen. Yn hwat der bykommen is, sit folle moais: in fers as ‘Doe’ is suver as goud, Myn jonge dagen, Binoarden Haerlem, By 't beaken, e.o. binne oprjocht en ienfâldich-wier skreaun. Ien, dy't sa'n stik gefoelige biskriuwingskunst jaen kin as it brede ‘Thúskommende út 'e frjemdte’, moat gâns hwat yn de marse hawwe. Hjir docht it wol dúdlik bliken, hoe't Hof syn bûtengewoane macht oer de tael ek in tige dichterlike eigenskip is. Sit der yn de ‘birymde fabels’ ek net safolle technysk masterskip, dat it allegearre suver fansels rint, sûnder dat der stoplapen by to pas komme? En hoefolle puntigens, geast en sarkasme Hof yn syn polémyske rymkes lizze kin, moat de lêzer sels mar yn de lêste ôfdieling fan dit boek neigean. As oersetter hat Jan fan 'e Gaestmar him in útblinker bitoand mei syn neidichting fan ‘The song of Hiawatha’, it Indiaenske epos fan de | |
[pagina 207]
| |
Amearikaenske dichter H.W. Longfellow, dat yn 1855 forskynd is en dat Guido Gezelle yn it Flaemsk oerbrocht hat. It is tige spitich dat dizze pûrbêste oersetting, opnommen yn Forjit my net 1901-'04, nea apart útjown is. De earste samling proaza dy't Hof yn it ljocht joech, wie ‘Omstikken en Sydstikken’ (1907). Der binne, dy't dit boek fan oer de trijehûndert siden brûke as in stúdzjewurk oer Frysk taeleigen, en wier, der sit in ryk wurdboek yn. De kunstwearde kin safolle sprekken lang net lije. De ynhâld bistiet út forheljend wurk, - de novelle ‘Op Mûntsepôlle’ hat tige goede einen, de sketsen hawwe hwat tofolle humor op syn Justus van Mauriks, - opstellen, in learsume lêzing oer ‘Us folksaerd en ús sprake’, en foar mear as de helt út de satiryskdidaktyske ‘Drankjes’, in foarm fan journalistyk dy't wy nou amper mear forwurkje kinne. De twaspjalt yn Hof, lyk as dy hjir foar biskreaun is, komt yn dizze ôfdieling klear út. In forhael, dat suver ta in roman útdijd is, is De Greate Striid, as feuilleton opnommen yn Fryslân, 1916. It is net apart útkommen, mar in jier letter hat Hof it ta in great toanielstik biwurke en útjown. Forhael en toanielstik hawwe deselde deugden en itselde euvel: it konflikt wurdt skerp oanfield en ek wol hjir en dêr yn geve karaktertekening en Fryske sfear útbylde, mar as it der op oan komt, brekt it de skriuwer by de hannen om't ôf. Hy stelt him in heech ideael, mar de sterke opset hâldt it net en forrint yn karikatuer (byg. fan de útforkiezing) en melodramatyk. Hof syn libbenswurk by útstek, as Frysk skriuwer alteast, is gearfette yn de fjouwer dielen fan ‘Fjirtich Jier Taelstriid’, (1940-'42, meielkoar ryklik 1600 siden). It is foar ien dy't fan Fryslân hâldt en de Fryske biweging bilangryk genôch achtet om der tiid oan to spansearjen, in ryk en bûtengewoan learsum wurk; elk kin der ek út leare hwat goed Frysk is en hwat de goede brûker der mei wurde kin. As skiedskriuwing fan de Fryske biweging, mar ek foar in diel fan de Fryske skriftekennisse, foarsafier dy har oppenearren yn it tiidrek 1897-1940, hawwe dizze dielen in tige greate wearde. Gjinien sil forjitte, dat er hjir alle bisprutsen saken en figueren yn Hof syn spegel sjocht, mar krekt dy persoanlike biljochting is fan in seldsume bikoaring: hjir jowt in skriuwer, en net de earste de bêste, him hielendal en leit er himsels yn syn krêft en swakheit bleat. De fjochtersbaes yn Hof, de forstânsminske, de man mei de greate oandacht foar it lytse, komme hjir uteraerd it meast nei foaren, mar de gefoelsminske forskûlet him dochs ek net. It sil in heikerwei wêze, op groun fan dizze fjouwer dielen út to meitsjen hwer't Hof geastlik (godstsjinstich, pol-tyk, ideologysk) stien hat of stiet, mar op syn wize yn en foar Fryslân | |
[pagina 208]
| |
stean, docht er op elke side. Gjinien as hy hat sa mei de died oantoand hwat Fryske journalistyk wêze kin en hoe ticht dy dan by de literatuer komt. De lêzers sille elk foar oar argewaesje fan him hawwe, mar hja sille syn libbene, puntige en faek geastige skriuwtrant biwûnderje en suver oergunstich wurde op syn masterskip oer de tael, ek as hja miene dat er him withoefaek oan it taeleigen foriten hat. It is net nedich, mar wol oan to rieden, nei dizze fjouwer dielen ek it lytse boekje fan Hof syn tsjinstanner oer tsientallen jierren to lêzen: dr. D. Kalma syn ‘Koarte ynlieding ta Fjirtich Jier Taelstriid’ (1943). As stik polemyk is it swak, as minsklik tsjûgenis net altyd foarnaem, as proaza net libben of apart. Dochs bringt ek Kalma wol inkelde wichtige wierheden nei foaren, dêr't Hof, mei sin of by forsin, nea gjin each foar hawn hat. Mei men tankber wêze dat nou safolle wurk fan Hof út âlde kranten en tydskriften helle en tagonklik makke is, - skôgingen, toanielkritiken, persoansbiskriuwingen, folle-net-genôch, - it is net sa dat de fjouwer dielen syn sammele wurken hjitte kinne. Greate forhalen lyk as ‘Idske Galama’ en ‘Dokter Damstra syn kar’ lizze jit yn Forjit my net, 1910-'13. Foar de bern hat er skreaun de twa dieltsjes ‘Yn eigen tún’ (1909, geakunde fan Fryslân), Jan Moalker syn hyngsteriden (1903) en it toanielstikje De moaije Sliepster (1904). As striidskriften moatte neamd wurde: Iepen brief oan dr. J.B. Schepers, 1900, in heal geastige, heal skoalmastereftige bistriding fan dy syn stânpunt; De saek Wielsma en Sipma-Hof, 1913, in persoanlike kwestje dêr't men nou min mear fan bigripe kin, hoe't men der doe tiid en aerdichheit foar hie; Is der in Fryske tael? 1914, foar it greatste part in saeklike bistriding fan Sipma, nou jitte fan wearde en bilang. Yn oansluting by dit wurk, (de forklearring fan syn striden foar ‘in fryske skriuwtael, dy't boppe de dialekten út, mar dêrtroch en dêrút libbet, sa't de beam út de woartels libbet’) skriuwt er mei O.H. Sytstra de Nieuwe Friesche Spraakkunst (1925) en yn 1933 de Friesche Dialectgeografie, in wurk fan tige greate bitsjutting. Syn skriften oer it Oera-Linda-bok tsjûgje fan in skerp oardiel. Hwer't er as parodist fan de Jongfryske skriuwerij ta yn steat wie, (as ‘Trochljachter’, ‘Wetterlanner’ of ‘Geart Jans Fenema’), mar ek as ‘tiidsrimer’, kinne wy goed sjen yn de lêste ôfdieling fan ‘Fan eigen tiid en folk.’ Jan fan 'e Gaestmar syn bitsjutting foar Fryslân is net lyts. As strider ûnthjitte er yn it earstoan gâns: hy wie warber, kundich, fol fan nije initiativen en hie fjûr en leafde. Doe't al gau de persoanlike oanfallen kamen, bilune en bikuolle dat allegearre wol hwat; syn tokoart oan fisy, oan leauwe, oan in nasionael ideael, binaem him gauris de wiere striidkrêft; it gefoel fan miskend to wêzen, de ympulsive driuw | |
[pagina 209]
| |
nei earlikens en in hwat wippelich aerd, makken him ta pessimist. As taelgelearde mei er de bêste kenner fan de hjoeddeiske folkstael hjitte; syn oanliz foar taelstúdzje is bûtengewoan, - sjoch as lêste biwiis syn ‘Dit en dat oer it stedsk’, Estrikken XVII, 1956, - en hy hat in seldsum skerp ear foar lûden en sizwizen. Syn krityk op de Jongfriezen har taelgebrûk wie folslein rjochtfeardige, mar waerd to apodiktysk foarbrocht; de tael op harsels waerd lekke, mar de geast dêr't hja út fuortkaem, tofolle foarbysjoen. Oer Hof as kunstner is der wakker ûngelyk tocht. Johan Winkler neamde him yn 1902 ‘de greatste Fryske dichter’ en dr. O. Postma sette syn fersen en proaza ek tige heech. Douwe Kalma rekkene him in deimannich ek by de bêste dichters, mar foroare al gau en foun doe gjin wurden genôch om syn forachting foar dizze ‘bombasticus’ to uterjen, hoewol dat oardiel ek al ridlik-gau forsêfte waerd. In dichter, en ek in bilangryk dichter, is Hof op syn bêste stuiten sûnder mis; net to ûntstriden is lykwols, dat er syn talint faek bidobbe hat ûnder bylkjend fortoan en dat er himsels min yn 'e blâns wist to hâlden. Mar binne selsoerskatting en tokoart oan forantwurde krityk dêr ek net mei skuldich oan, wie it der ek net in gefolch fan, dat er net altyd de gaedlikste foarbylden foar kar naem, - Hildebrand, Multatuli, Longfellow, - en hat ek syn maklikens fan taelbihearsking him paradoksael sein soms net dwers sitten? Taelmacht allinne, sûnder rom geastlik eachweid, laet nea ta sterke foarmskepping. Mar krekt it feit, dat de krityk sa'n hâldfêst oan Jan Jelles Hof hat, biwiist, dat er ien fan de alderbilangrykste figueren fan dizze oergongstiid is, in man dy't yn brokstikken en op de koarte baen in heech peil wist to birikken, in Fries dy't tige faek foar Fryslân stien, en der folle foar dien en weage hat. | |
5. Simke KloostermanSimke Kloosterman (1876 Twizel-1938 Ljouwert) wie de iennichste dochter fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman en Tryntsje Beintema; har mem wie út it laech fan Eelke Meinerts, de Kollumer boer en skriuwer út it lêst fan de 18e ieu. De âlden wiene tige bigoedige; har iennichst bern krige in oplieding ta ûnderwizeres yn Apeldoarn, mar hoegde nea yn skoalle to stean. Húslike omstannichheden hawwe har faek fier fan Twizel hâlden en lang hat hja yn Den Haech wenne. Earst yn har lêste libbensjierren sette hja har yn Ljouwert nei wenjen; op in kâlde winterdei is hja op it Twizelder tsjerkhôf, | |
[pagina 210]
| |
fuort by de âlde toer, biïerdige. In frou mei in sterke famyljetradysje, mei greatskens op har foarnaem boerekomôf en mei in aristokratysk frijdomsfielen wie hja. En hja soe har wei net sa iensum en moedich en suver steech gien wêze, as hja net witten hie fan har ropping en útforkiezing as kunstneresse. Har libben lang wie hja ienling, yn har aerd en bistean lei riedsel en heimenis, oer har wurk strielet it waerme ljocht en de kleurige skittering fan de natuer fan de Wâlden yn har rykste bloei. Hja wie jong yn de útgong fan de 19de ieu. It skriuwersbloed oppenearre him al ier; op skoalle koe hja moaije opstellen meitsje en sûnt har sechtjinde jier forskynde der al wurk fan har yn de ‘Hollandsche Lelie’, De situaesje yn de Fryske literatuer lokke doedestiids net ta meidwaen út; dochs wie de stap fan Hollânsk nei Frysk net to kearen, dêr't de natuer sa krêftich en oarspronklik wurke. Tsjibbe Gearts kaem wol by harren thús oer de flier en fol geastdrift koed er dan syn wurk foardrage; syn foarbyld en dat fan har heit wiene de uterlike oanlieding ta it Frysk skriuwen. Waling Dykstra krige yn 1898 it earste fers (‘Winternocht’) foar Sljucht en Rjucht; hy priizge it tige en trune har oan ta it skriuwen fan in great forhael: it waerd ‘Beppe yn 'e fleur’ en fuort dêrnei kaem ‘Sybrich fen Botnia’. It Hollânsk skriuwen wie nou forgoed fan 'e baen. Har talint waerd al daliks fan oare skriuwers opmurken; Hof, Sytstra en oaren setten har der ta oan mear to jaen en in hiele rige forhalen foun plak, fral yn it Selskipsjierboekje Swanneblommen (1904, '05, '06, '07, '11, '12, '14), dat dêrtroch ynienen mear oansjen krige. Yn 1910 joech hja har earst boek út: ‘Ruth, In hânfol ieren’. It wie in fikse sammelbondel, dêr 't bûten de titelnovelle (út 1903) in fjouwer, fiif oare proazastikken yn stiene en forskate fersen, û.o, ‘De keningssoannen’ en it greate epyske dichtstik ‘Harald de romrofte’. It boek foel der fuort tige yn. Gerben Postma priizge it yn Forjit my net 1910 om de ‘bysûnder troffene karaktertekening, natûrbiskôging en fine fieling’; yn itselde stik liet hy de wurden skeanprintsje: ‘Dit is wrychtich in boek dêr't wy greatsk op wêze meije, dat wy mei ynnommenheid de ljue foarlizze kinne, hwent dit hat ús letterskat forrike.’ De frou, dy't har wurk yn dizze earste jierren sa faek mei ‘S. Kloosterman, in frysk fanke’ ûndertekene, hie yn alle dimmenheit hwat nijs oan Fryslân jown. Foar de tsjintwurdige lêzer binne de measte fan de forhalen út de jierren 1898-1912 wol hwat forâldere yn har romantyske opset en útspoune tekening, mar de taelkrêft, de dichterlike bisieling en de moedige bylding forgoedzje dat tokoart genôch. Aldergeloks is fan al dit proaza nou in krekt en maklik oersjoch to krijen troch de útjefte fan de beide bondels ‘Ut de Gielgoerde’ (I, 1936: | |
[pagina 211]
| |
SIMKE KLOOSTERMAN
| |
[pagina 212]
| |
De lêste fen de Ingwerda's; Ruth; By de Fjouwersprong; In hird man; Jan Minnema; De Widdou; Brimmerheide; Jeugd. II, 1944: Beppe yn 'e fleur; Sybrich fen Botnia; Leed en Wille; Heiteljeafde; sawn koartere sketsen en fjouwer lyryske stikken). It soe ek in blyk fan Fryske ûntankberheit wêze as dizze eale samling mei har sawndehealhûndert siden net foar elke nije generaesje iepen kaem to lizzen. Yn de jierren 1911-'16 moat Simke Kloosterman de roman ‘De Hoara's fen Hastings’ yn de holle en faeks ek al yn de pinne hawn hawwe, mar earst yn 1921 koe it boek forskine. It Fryske folk hat De Hoara's as it masterwurk fan dizze skriuwster oannommen en sil him der hyltyd wer mei biwûndering yn fordjipje; hja sels liket der yn letter jierren hwat frjemder foaroer stien to hawwen, om't de sosialistyske tendins fan it boek har net mear sa sympathyk wie. De Hoara's spilet dúdlik yn de Wâlden yn de earste jierren fan dizze ieu, der binne grif jonkheitsoantinkens fan de skriuwster yn forwurke, mar sûnder in great kunstnerskip hie hja nea sa'n forbylding fan boerelibben jaen kinnen. Leafde en haet, hertstocht, jildsucht, fete, foriensuming, erflikheit, it binne de thema's fan dit boek, dêr't faker de swiere loften oer hingje as de maitiidssigentsjes der troch hinne rûze. It forhael hat bytiden hwat fan in Aldnoarske saga, mar de skriuwtrant is drokker, kleuriger, weelderiger; lyryske biskriuwing wurdt soms ôfwiksele fan in styl, dy't stiiffol dynamyske spanning sit. It is allegearre sfear en faek liket it boek allinne mar natuer, bloeijende en toarstige ierde, siedding en risping. Der is oer striden ôft de eftergroun, de fisy fan it boek heidensk (pantheïstysk) of kristlik is; Simke Kloosterman hat it blykber sels net witten en dr. G.A. Wumkes, dy't der har oer frege hat - de dichterlike proloog fan De Hoara's wie de oanlieding - kaem mei syn ûndersiik net folle fierder. Ein 1926 kaem de greate histoaryske roman, It Jubeljier, skreaun yn de jierren 1920-'24, yn it ljocht. It boek, dat de fordrukking yn de Frânske tiid fan 1795-1813 biskriuwt en dêr't gâns skiedkundige stof yn forarbeide is, - ek it gea en de foarteam fan Simke Kloosterman sels wurde út it tsjuster ophelle, - is yn folle in bitsjûging fan gleone leafde foar it Oranjehûs. Der steane kostlike einen yn, mar as gehiel is it net sa natuerlik, sa fulkanysk ûntstien as De Hoara's en sit der ek net sa'n dramatyske krêft efter. De oerdiedige en soms hast it forhael oerwoekerjende lyryk wiist yn sa'n roman faek earder op in tokoart oan bihearsking as op rykdom fan mooglikheden; de sielkundige tekening lijt ek ûnder de iensidige opset fan de skriuwster. Dochs bliuwt It Jubeljier in wurk fan great formaet, dêr't Fryslân tige wiis mei wêze moat. De greate histoaryske novelle Hengist en Horsa (1933), in frije | |
[pagina 213]
| |
biwurking fan de âlde sêge dy't om 419 n. Kr. hjit to spyljen, hat jit tige de deugden fan dit skriuwsterstalint, mar lit ek de skaedsiden dúdliker sjen. Op syn moaist wol komt dit talint út yn de prachtige mearkes, sammele yn Twiljochtteltsjes (1928), proaza bytiden fan sok in forfining, dat men it as in seldsume spize op de tonge rane lit. Ek de fiif stikken yn it Great teltsjeboek for Fryske bern (1932) binne fan in bysûndere kwaliteit. En it itensiedstersboek De Fryske petiele (1939) leit minder fier fan de literatuer ôf, as mannichien wol tinke soe. Oer Simke Kloosterman as dichteres is it swier yn koarte wurden to skriuwen. In net sa lyts part fan har lyryk is nea printe en neffens eigen winsk nei har dea forbarnd, om't dizze fersen tige persoanlik fan ynhâld wiene. Mar dat binne de fersen net minder, dy't yn 1932 yn De Wylde Fûgel fan de skriuwster sels sammele waerden. Dy't him yn dit boek jowt, sille de swiere, ienlike striid, de hertstocht, it neioankommen fan it libbensgeheim treffe; hy sil der letter mei hyltyd djipper earbied nei gripe, wittend dat de fûgel dochs it nêst foun hat. It moeit jin hast, dat it samle fersewurk deselde titel draecht: De Wylde Fûgel (1952). Ek it epyske dichtwurk - objektyf-forheljend, rêstich, mar soms ek hwat âldfrinzich - is ommers yn dit boek opnommen. De lyryk bliuwt lykwols it bilangrykst. Wer falt de natuermystyk op: it dualisme fan maitiid en hjerst, ljocht en nacht, stjerren en bernjen, vikingskip en sudewyn, foarm en fieling. Der is wurk by út in tiidrek dat forgoed foarby is, der binne ek fersen dy't jin as modern oankomme. Mar hoe wist Simke Kloosterman fan de leafde to sjongen, hoe bloeit en baernt it dan allegearre! Hwa wurdt net tagelyk bliid en kjel fan dat prachtige ‘Tûzenen’? Dy't ris efter elkoar lêst it waerme en fine ‘Keningsbreid’ en it tagelyk stoïsynske en hertstochtlike ‘Ik groet dy, kening’, dy wit hoefier de scala fan toanen by dizze dichteres rikke koe. Fersen as ‘De Meander’ en ‘Libben’ biwize dat noch klearder, om't hja boppe it persoanlike út komme en de wysheit, dy't yn swiere striid woun waerd, suver as yn de granitene foarm fan it Edda-liet byldhouwe. Simke Kloosterman koe grif it folkslibben yn al syn lagen wol en hja hat soms de biskriuwing fan sosiale spanningen ek net mijd, mar dochs hie hja in foarleafde foar it bistean fan âlde boerefamyljes en aristokratyske formiddens. Nea wie foar har it forline stoarn; it libbe yn en om har troch. Yn De Hoara's hie hja gjin forlet fan jiertallen of histoaryske feiten; oer it tydlike hinne socht hja it minsklike. Oan dat minsklike hie hja in fitael, mar suver in mystyk oandiel: har sterke froulikens socht it net yn koele riddenearring, mar wie great yn leafde en hate, yn wredens en sêftens. Har styl is fangefolgen ryk en bloeijend, neffens Fryske forhâldingen wolris to drok en bûnt, binammen yn de | |
[pagina 214]
| |
biskriuwingskunst. As it der op oankomt, wit hja sinnen to bouwen fan bysûndere krêft en spanning; dy steane dan suver neaken yn it forhael. Mar faker lit hja de sinnen glânzgje as fynbislipe juwielen, dy't jin hyltyd wer oare bylden foar eagen tsjoene; as in net to bidimjen fontein springt dy taelplastyk út har oerrinnend ynderlik op. Simke Kloosterman wie in natuertalint: hja komt út gjin skoalle, stie net ûnder ynfloed fan dizze of jinge, liet har fan gjinien sizze of riede. Har tael hat folle fan de tongslach fan de noardlike Wâlden om Twizel hinne, mar bliuwt persoanlik en oarspronklik. Hja harket nei it folk, mar jowt de wurden in eigen kleur. De stavering lit hja har net foarskriuwe, hja is der sels master oer. Mar foar alles: hja hat gjin bledside skreaun, dêr't net de hertstocht fan har libben yn kloppet. | |
6. Reinder BrolsmaHy komt hielendal út it folk wei en altyd hat er ûnder it folk forkeard: Reinder Brolsma (1882 Stiens-1953 Ljouwert). Yn ‘it âlde doarp’, it doarp fan Piter Jelles, wurdt er berne as jongste fan acht bern, dêr rint er de skoalle ôf en dêr wurdt er ferversfeint. In gewoan man, dy't der uterlik al syn dagen ek yn neat útroun, dy't allinne yn syn natuer de jefte fan fyn opmerken en skerp werjaen meikrigen hie. Syn libbenslot is gau forteld en wykt net iens safolle fan dat fan party 19de ieuske Fryske skriuwers ôf: oerdeis fervje, jouns en winterdeis yn de liddige skoften skriuwe. Yn 1910 trouwe, wenje yn Lichtaerd en Akkrum, bern krije, skreppe om it deistich brea. Fan 1919-'41 yn Ljouwert, dêr't er it folkslibben ek tige acht slacht. In greate dei wie it foar him, doe't er by de krante kaem en mei fervjen ophâlde koe; hy krige gaedlik wurk en fielde him dêr by thús. Hy jowt him bûten de stêd yn Goutum del, nimt yn de earste oarlochsjierren út frjemde hannen de doe ynstelde Harmen Sytstra-priis foar de Fryske literatuer oan en kin nei 1945 net rjocht mear oan 'e gong komme. Hy foriensumet en fynt yn in kâlde hjerstnacht syn tragyske dea. Hoe't er ta Frysk skriuwen kaem? It siet der yn, hy hie in oerurven leafde foar it Frysk, hy hie ambysje, hy woe der op sa'n wize hwat byfortsjinje. Hy hie it wurk fan de bruorren Halbertsma en Waling Dykstra lêzen en dêr goed fan leard; gjin niget, dat syn earst stik, Sinnestrielen, yn Sljucht en Rjucht, 1903, forskynd is. Fan de wenstige folksskriuwerijtrant wykte dit en letter wurk net iens safolle ôf: it wie almeast oefenwurk, dêr't de âldere Brolsma earst by goed tasjen yn werom to finen is. Syn talint ripe stadich en yn stiltme. Doe't nei 1915 hy | |
[pagina 215]
| |
REINDER BROLSMA
| |
[pagina 216]
| |
mear nei foaren helle waerd, koed er him yn greater krêft ûntjaen, mar it waerd 1923, ear't der hwat fan him yn boekfoarm forskine koe: de novelle It Forgift, in drankbistridersforhael. Sûnt dy tiid is der in rige boekútjeften fan syn wurk forskynd, dy't der wêze mei; forskate boeken binne ek ienkear of faker werprinte. Dochs leit in fiks part fan syn wurk - notysjes, sketsen, novellen, forfolchforhalen - jit altyd bidobbe yn kranten en tydskriften, dêr't it ornaris min to birikken is. De greate mannichte fan lêzers ken Brolsma fierwei bêst of allinne út syn greater wurk. De ynset wie tige. Yn 1926 forskynde It Heechhôf, dêr't yn 1938 as forfolch It Aldlân by kaem en yn 1947 Richt; in trilogy, dy't net altyd deselde hichte hâlde kinnen hat. Boeken lyk as It Widdousbern (1941, earder yn Frisia 1922-'25), Sate Humalda (1934, oer de krisis yn it boerelibben om 1890 hinne), Groun en Minsken (1940) wiene al earder yn tydskriften opnommen en hawwe soms jierren op útjefte wachtsje moatten. Dat wie mei inkelde greate novellen ek it gefal; De boer en de arbeider op Ekema, De reamme fen it libben, De reis nei it âlde doarp, Striid en oare forhalen, waerden yn 1928-'36 út de blêdden weihelle en as hânsume skriftkes útjown. Mame en de greate boer (1940) en Ypeus (1942) gyng it al krekt allyk mei. Eardere boekútjeften wiene De Skarlún (1929, yn Frisia earder opnommen as It lêste Jier, de tekening fan in fortutearzge jongeslibben) en Neisimmer (1931); losse sketsen waerden sammele yn Spegels (1927) en Bylâns de wei (1940). Folle en grif mei fan it meast weardefolle fan it lytsere wurk is nou byienbrocht yn de beide greate bondels Sa seach ik Fryslân (1951) en Folk fan Fryslân (1952; hjiryn ek de greate novelle Obe Palma, dy't earst Nei de ein hjitte). Giet men dit listke nei, rekkenet men in pear toanielstikken en in stik trije ienakters út de jierren 1932-'39 der by, telt men gâns apart krantewurk - Gesprekken bij de brug, rjochtbankforslaggen, reportaezjes - der ek by op, dan is it in skriuwersproduksje, sa't mar inkelden yn Fryslân op har namme stean hawwe. It wenjen yn Ljouwert hat foar Brolsma, doarpsman as er wie, sûnder mis ek forromming fan eachweid brocht; dêr krige er de kâns mei it omstippersfolkje fan ‘Bylâns de wei’ yn 'e kunde to kommen, dêr mette er de lytse stedsboarger, minske ek mei in eigen bistean. Iensidich yn de kar fan syn persoanen is er net, mar wol hat er syn foarleafde; de arbeiders komme earst en de gernieren, de greate boeren folgje letter; it folk út de gloppen en stegen hat de foarrang boppe de biwenners fan de fatsoenlike strjitten. Thús fiele docht Brolsma him einliks allinne yn noardlik Fryslân: Stiens, de Flieterpen, Dokkum, de kriten bylâns de Dokkumer Ie, Ljouwert; yn de Bjirmen of yn de Súdwesthoeke bitrout er himsels net. Wurde Brolsma syn boeken dan ek in spegel fan Frysk folkslibben | |
[pagina 217]
| |
neamd, dan is dat grif wier, mar jildt it fansels net foar dat folkslibben yn syn hiele hear en fear; de dingen fan leauwe en tsjerke rint dizze skriuwer faek hoeden om hinne: by alle earbied dy't er bytiden foar it orthodokse folk hat, stiet er der dochs bûten. Brolsma hat wol greate proazaskriuwers lêzen, Dickens bygelyks, mar hy is der net slim fan biynfloede. Hy hat in eigen en tige persoanlike skôging, ien dy't wol it tsjinstelde liket fan Simke Kloosterman har lyrysk romantisme, ien dy't objektyf bisjocht en biskriuwt en dochs oer alles in mylde glâns, in lichte irony en soms in stille wémoed wit to lizzen. Syn réalisme is ynbannich, bihearske, hat gjin forlet fan sensaesjes of fan opkroppe dramatyske spanningen, siket it net yn sielkundige forwikkelingen of yn it útklaeijen fan de minsklikheit, mijt frijwol altyd God en duvel. Yn de earste tiden leit er it effekt wolris yn in spotske humor, mar letter wurdt dy humor aloan djipper en wizer: dan jowt er dy't him nei of fier fan him ôf steane in earlik plak yn syn oandachtige, bigripende tekening. Minsken en dingen geane Brolsma wier oan; dêrom kin er de werklikheit net mei kâld synisme byldzje, mar docht er it mei in meifielende, meilibjende humor, dy't wolris Frysk én filosofysk neamd is, mar dy't yn alle gefallen folslein oars is as it hwat wrange soarte fan party humoristen út de foarige ieu. Brolsma is in portretskilder, dy't skerp en yn koarte halen typearje kin, net troch útinoarplúzjen fan it ynderlik, mar fral troch libbene aksje en natuerlik petear. Wiidweidige natuerbiskriuwingen, dêr't Simke Kloosterman sa'n aerdichheit oan hie, sil men by him suver net fine; de minske stiet altyd yn 'e midden. Soms is dy minske stadichoan net folle mear as diel, ja as bút fan de natuer; dan kriget dit proaza hurdere, wredere, djippere toanen en wurdt it ta in tryst en tragysk epos as dat fan ‘Groun en Minsken’. De bou, de komposysje en sels de yntrige hawwe Brolsma's sterkste siden nea west. Romanskriuwer kin men him dan ek suver net neame: it breedbiwurke, folsleine libbensbyld, architektonysk opset en organysk útboud, de dúdlike en wisse ûntjowing fan de persoanen en fan har konflikten, hellet er net. Yn It Heechhôf, hoe'n treflik boek ek, steane de haedstikken soms as sketsen op harsels. Brolsma is in novellist; syn krêft leit yn de bigrinzing, yn de sobere, hast earmoedige streken, dêr't er syn figueren mei werjowt, yn it kiezen fan de krekte ôfstan, yn de forbining fan de minske mei syn formidden. Dêrom bylket en blinkt syn wurk ek hielendal net en ferget it in tawijd lêzen, sil men it op syn bêst wurdearje. Mar dan ek wurdt de bileanning hyltyd greater; dan komme foar jin to stean de bodders en wramers, - arbeiders, koumelkers, gernieren, boeren, de lytse baeskes en de tûke faklju, - mar ek de swalkers, de ûnmaetskipliken, de forstjittenen: kuorkerinders, | |
[pagina 218]
| |
keapmantsjes, sûpers, lietsjesjongers, sutelders, en net to forjitten de âldfeinten, rinteniers en stive boargers.Ga naar voetnoot1) Op syn bêst is Brolsma as er it doarpslibben, it boerebistean en de selskant fan Ljouwert biskriuwt en it deistige wurk, de muoite en de wille fan it Fryske folk yn syn ûnderste lagen neigiet. Giet er fierder fan hûs ôf, dan jowt er him wolris op glêd iis sûnder op skerp to stean: sa yn Neisimmer, hwer't de forhâlding fan de deftige, evenredige âldfeint en de jonge, bliere húshâldsterfaem tekene wurdt; of yn De reamme fan it libben, dêr't it oer it stoflik bistean fan in rike rintenierboer giet. It sosiale elemint kriget ornaris folle mear omtinken as it geastlike; oer it godstsjinstich libben, it wiere dan, wurdt de lêzer fan Brolsma net folle gewaer, oer it tradysjonele en forwurdene fansels wol hwat mear. It liket, as komt yn lettere wurken as Groun en Minsken en It Aldlân fan datoangeande wol hwat mear bigryp, mear fertikalens nei foaren; dan kriget it forhael daliks ek in swierder, folder toan. Fan de Frânske skriuwer De Balzac is bikend, dat er sa'n twatûzen minsken yn in foech hûndert romans tekene hat; Brolsma slacht navenant gjin min figuer. Hy hat jong west yn de earmoede en tidens de sosiale opstân fan de tachtiger en njoggentiger jierren, hy hat tsientallen jierren lang de lytse lju opnommen en obstrevearre, hy hat der gjin striidprogram út ôflaet, mar wol wysheit troch woun. Ienkear, doe't Brolsma by hege útsûndering oer syn eigen wurk spriek, murk er op dat party Friezen graech woene dat er oer de wiere, foarútstribjende Fryske boer skriuwe soe, oer de man mei gâns stamboekfé en folle bistjûrsbaentsjes. Hy die it net, sei er; it gewisse hie him oplein oer in iensume, fan nimmen bigrepene, rûge wrotter to skriuwen. Dát boek waerd Groun en Minsken. It is Brolsma syn bêst boek, it stiet - hoe oars it ek is - njonken De Hoara's fan Hastings. It is in net altyd sierlik, mar wol dreech monumint. Dêr foaroer mei dan stean dat juwiel fan ienfâld, waermens en direktens, dat bysûndere stael fan syn kinnen yn uterst koart bistek: Mearke út noardlik Fryslân. Hoe tige leaf moat dizze skriuwer syn lân en folk hawn hawwe! | |
7. Obe PostmaYn 1868 wurdt Obe Postma to Koarnwerd berne, út boerelaech en as âldste fan sawn bern. Hy giet yn Koarnwerd en Makkum op skoalle, | |
[pagina 219]
| |
Dr. OBE POSTMA
| |
[pagina 220]
| |
rint it Snitser gymnasium ôf en bigjint yn 1886 oan de Amsterdamske universiteit mei de stúdzje yn de wis- en natuerkunde. As learaer yn 'e wiskunde oan de H.B.S. to Grins promovearret er - de dissertaesje hjit ‘Iets over uitstraling en opslorping’ - en dêr bliuwt er ek oan syn pinsioen ta. Al ridlik gau gyng syn leafhawwerij fan de wis- en natuerkunde oer nei de skiednis, earst dy fan de natuerwittenskippen en de filosofy, doe, grif ûnder ynfloed fan syn freon prof. dr. Tsjitse de Boer, dy fan lân en folk. Hy troude net, forfear yn 1934 nei Ljouwert om dêr mear oan archyfûndersiik dwaen to kinnen en publisearre datselde jier syn foarnaemste stúdzje ‘De Friesche Kleihoeve’. Yn jonger jierren hied er wol artikels op natuerwittenskiplik gebiet skreaun, letter hâldde er him oan de histoarje en de poëzij. Gjin biwegingsman, gjin strider, gjin man fan polityk, iepenbierheit en aktualiteit, wurden allegearre dy't him oan it glimkjen bringe. Wol: ien fan de bêste Fryske dichters. As gymnasiast skreau er al Hollânske en Fryske fersen, as studint ek wol, mar neffens himsels wiene se net fan wearde. De fersen fan de earste bondel waerden makke, doe't er al oer de tritich wie, foar in lyrikus wol hwat let. It Frysk as skriuwtael wie him eigen wurden, sûnt er de brosjueres fan de pinnestriid Troelstra-Wagenaar en de Rimen en Teltsjes lêzen hie. Sûnt likernôch 1900 forskynde der yn Forjit my net in rige fersen fan ‘P.’ ûnder de sammelnamme ‘It Fryske lân en Fryske libben’. It liken sa op it earste oankommen ienfâldige rymkes oer deistige ûnderwerpen dy't yn Fryslân al withoefaek bisongen wiene, mar as men jin der efkes better ynjoech, murk men al gau dat dizze dichter de macht hie yn sljochte wurden in nije sin en oer gewoane rigels in djippe glâns to lizzen. Hjir wie ien dwaende, dy't yn in waerme stille leafde alles hwat mei Fryslân en it Fryske wêzen gearhong, yn in teare tagedienens omfette. Jierren gyng dat sa troch. De skriuwer kaem oars suver net nei foaren; de drokke, lûde wrâld lokke him net. Einlings, yn 1918, waerd dizze poëzij yn de earste bondel sammele: ‘Fryske Lân en Fryske Libben’. De ynhâld is ienfâldich en stiet fan al it wurk fan Postma grif it tichtste by it folk. It is in boek fan jonkheits-oantinken: de dichter dreamt oer it forline dat foarby en forlern is en dat er nou yn syn mimering ta nij libben bisiket to bringen. Dat dizze stim wjerklank foun, biwiisde wol de tankberens dêr't Fryslân dizze dichterlike jefte mei oannommen hat: yn 1923 moast der in twade printinge komme. Doe wie de ynhâld yntusken gâns útwreide en sadwaende leine der mear as tweintich jier tusken de earste en de lêste fersen fan de bondel. Net al dy fersen hiene mei Fryslân út to stean; der wiene ek bispegeljende by (‘O deaden, heech yn kleare seal’) en mear algemiene lyk as ‘Romantyk’. | |
[pagina 221]
| |
Der is wol tocht, dat sa'n iensidige dichter him dochs ris út syn stof skriuwe soe: altyd wer itselde! Mar elk nij fers joech nij geniet en dy't de ûntjowing fan de dichter goed folge, wist wol dat Postma, dy't neffens syn jierren dochs by de âlderein rekkene wurde moast, himsels alderminst fêstskreaun hie. Yn de foarm kaem dat ek al út: hy hearde by de earsten yn Fryslân, dy't de tradysjonele fersfoarm gauris slûpe lieten en dan it frije fers foar kar namen, dus sûnder rym of fêste strofebou. Binammen kaem dat nei foaren yn de twade bondel ‘De Ljochte Ierde’ (1929), de samling dy't neffens de dichter sels esthetysk it heechst stiet en it tichtst by klassike kunst komt. It is itselde lûd, mar riper en sterker. Party fersen binne mear epysk en objektiver as dy út de earste bondel en geane mear boppe Fryslân út. Der sit hwat fan in spjalt yn dit wurk, mar by einbislút drage ek hjir lân en libben de dichter oer alle langst en ûnwennichheit hinne. In fers, dat fan hiel folle fan Postma syn wurk in forklearring jowt, is ‘Mienskip’ (s. 49). De trêdde bondel ‘Dagen’ (1937), seit it measte fan de dichter sels; dêrom ek sil men der de measte frije fersen yn fine. De ‘âlderwetske’ fersen ûntbrekke lykwols net, byg. de fordigening fan de lyryske poëzij op side 18. Dat Postma fan it frije fers hwat tige moais meitsje kin, - de kunstfoarm bynt him blykber frij sterk, biheint de wurdfoarrie en jowt de humor hast gjin kâns, - is ôf to lieden út de oandwaenlike dichten ‘Frjeonen’ en ‘As ik opdroegen wird’. Doe't Postma ‘De Ljochte Ierde’ útjoech, wie dêr al ynfloed fan R.M. Rilke yn to fornimmen (‘Hwet de dichter witte moat’). In bondel oersettingen, ‘Gedichten fen Rilke’ (1933) tsjûgje dêr jit dúdliker fan. De kar wie fral dien út it mear ienfâldige wurk fan de jonge dichter, net út de lettere mystike fersen. De fine, rêstige en dochs nerveuze, teare en weake sfear fan Rilke syn wurk moast in stil-meditearjend minske as Postma wol lûke, ek al hat er fêst de frjemdheit der fan wol oanfield. De fjirde bondel fan eigen wurk, ‘It sil bistean’ (1947), hat de dichter yn 1947 de Gysbert Japicx-priis foar krige. It thema is net foroare: Fryslân mei syn terpen en doarpen, syn diken en fearten, syn pleatsen en arbeiderswenten, altyd rane hjoed en juster dêr gear. Hwat forgien is, sprekt jit ta dy't harkje kin, en sa is der gjin skieding tusken libben en dea. It liket allegearre sa sljocht en it is ek fuort by de groun to finen: yn it waeksen fan it gers, it blinken fan it wetter, de wite klaver. Wis, it tiidsbarren is der en it wurdt achtslein, mar is it sa wichtich en wrâldforwegend wol as it him foardocht? Al it wurk dat hjir neamd is, waerd yn 1949 mei inkelde nije dichten gearbrocht yn de ‘Samle fersen’. Yn in diel fan hast 400 siden is de dichterlike delslach fan in heale ieu fêstlein, Fryslân ta rykdom en | |
[pagina 222]
| |
blydskip. Hwant Fryslân wurdt sa wiid yn dit boek, sa wiid as de wrâld. Hwat de eagen sjogge, wurdt fuort ta symboal fan hwat net to sjen is. De ierde is hjir ta god makke. Postma syn dichtsjen is in knibbeljen sûnder bidden. Dêrom sit der efter dizze poëzij wol wis in machtige wrâldskôging, dy't mei wurden as natuermystyk, pantheïsme, monisme, oantsjut wurde kin. Striid fan flesk en geast, tobrutsenheit, sûnde, it boadskip út de fiere himel, hjir binne it frjemde en ûnbikende bigripen. Hjir, yn dizze machtige natuerhymne sûnder ein, wurde alle lok en leed ta ‘lichte flikkertinzen yn it Albilibjen’. Net yn in ferstechnyk fol skittering en forfining, net yn in breed forskaet fan foarmen en lûden, net yn dramatyske bisieling of rhetoryske krêft, mar yn it tsjoenen mei sljochtwei wurden leit Postma syn greate bitsjutting. Ek yn syn nijste bondel ‘Fan wjerklank en bisinnen’ (1957) docht dat bliken. ‘En nou ek, sa't ik mar hwat sleauwe dingen siz, Kinn' der minsken wêze, dy't ik meinim, om't hja it libben sels fiele, Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt’. (Ut: Freonen). Dizze ‘lichte ruter, dy't grypt nei goadene ark’ wit it sa fêst: ‘fier yn it fryske libben rinne myn woartels’. Lit hiele Fryslân it ek witte. | |
8. FolksskriuwerijSalang de 19de ieu har jit yn de 20ste fuortset, skriuwt ek Waling Dykstra troch; syn blêd Sljucht en Rjucht wurdt rounom en graech lêzen. De freonen - en hokker Frysk skriuwer heart dêr dan net by? - forearje him twa kear yn dizze ieu, op syn tachtichste en op syn njoggentichste jierdei, in bondel lokwinsken. Trouwe helpers bisoargje him op 'e tiid ek de nedige folksforhalen en rymstikken. Dêr binne guods by mei in goed talint en dy't mear as sljochtweihinne út 'e wei sette. As hjir in stikmannich únder it haed ‘folksskriuwerij’ byinoarbrocht binne, wurdt gjinien dêr mei leechlein; dat bigryp is hjir nommen ta oantsjutting fan har skriuwtrant, har stoffe en har foarbyld. Marcus Miedema (1841-1911) kin, om 1890 hinne, lêsbere forhalen gearstalle, sa yn de styl fan: De gouden earbeltsjes; In Sneintomoarn by Gealeboer; Wiger Sûnderhert. Foardrachten en in inkeld toanielstik ûntbrekke net; elk pielde dêr doe suver mei. Syn bondel fersen fan mear as hûndert siden, To hea en to gêrs (1906), is yn syn sljochte ienfâld hjoeddedei it lêzen jit wurdich, al is 't grif net sa as de ynlieder F.J. de Zee seit: ‘De dichterlike fieling grypt yen foart yn 't hert’. Japik van der Tol (1863-1940) waerd de opfolger fan Waling | |
[pagina 223]
| |
Dykstra as bistjûrder fan Sljucht en Rjucht en hat dat hast in fearnsieu mei forstân en trou west. Syn folksforhalen rounen der wolris hwat út, ek al omdat er op it stik fan réalisme hwat mear oandoarst as party oaren. Yn syn toanielstikken lit er gauris de drankbistridingstendins útkomme. Sjouke de Zee (1867 Boarnburgum-1954 Hilversum) hat yn syn persoan in stik aktyf Frysk idealisme bilicheme. Skuonmakkersfeint, boerefeint, tsiismakker, lapkekeapman, it kostet jierren by de maetskiplike ljedder op to kommen. As sprekker, foardrager, sjonger, is er warber as ien, Learling fan Waling-om as er wie, soarge er fral foar folkslektuer: forhalen, meast mei ûntliende motiven en gauris biwurke nei de Over-Betuwske skriuwer J.J. Cremer. Syn hagepreken, foardrachten, revue's en rymstikken binne net to tellen; de geast, dêr't dit allegearre út skreaun waerd, wie in forbining fan frijsinnich kristendom en ethysk sosialisme. Oan de popularisearring fan de Fryske skriftekennisse hat er troch lêzingen folle dien. Syn meast eigen wurk sil wol bliuwe: Fen lang forlyn, ferskes út de jongesjierren (1927), dêr't ek syn histoaryske bilangstelling dúdlik út sprekt. Gâns foardrachten levere hat ek Johannes Rypma (1880-1948, Blauhûs), ien út de Waling Dykstra-skoalle en tagelyk ien fan de inkelde skriuwers út roomsk formidden. Syn wurk is gauris yn koartswilige, bilearende trant; oan syn godstsjinstige oertsjûging jowt er mar frij swier utering. As Frysk strider wied er in foarbyld fan gevens en ienfâld. Syn broer Gerben Rypma (1878), ek as lânskip- en féskilder bikend, is mear syn eigen, hwat ienkennige wegen gien. Hy is as dichter in biskieden mar suver talint, dat to min wurdearring foun hat. Yn al syn wurk sit hwat fan in to biheind, moreel selsûndersiik; mei de natuer en mei God kin er it better fine as mei de minsken. Yn forskate fersen birikt er in reinens en swietlûdigens, sa't dy net sa faek foarkomme. Fan in karlêzing út syn wurk is forlet; it bondeltsje ‘Reidsang’ kin net as sadanich tsjinje. Minder dichter, mar mei mear each foar folk, forline en eigen tiid, is F. Jac. de Zee (1874-1950). Hy hat him ward op it gebiet fan de Fryske journalistyk; sa hat er tiden lang ûnder de skûlnamme Burdo syn ‘Diggels’ yn It Heitelân skreaun. Syn earste bondeltsjes, Tiidsankjes (1918) en Dounsjende michjes (1919), binne net folle mear as journalistike, soms koartswilige notysjes op rym. Letter sloech er earnstiger en mear literaire snaren oan: Langstme (1924), Sintjanstried (1950); mar inkelde fersen komme boppe in tradysjonele opfetting en de itige werjefte út. In folksdichter op en út wie Sjoerd Meinesz (1850 Sleat-1938 | |
[pagina 224]
| |
Starum), de dichter fan de Súdwesthoeke. Mar ek in persoanlikheit, in apart man, in fine geast, in humorist fan it goede soarte. As jongkeardel hie er yn Amearika west, mar de langst nei it heitelân hie him weromdreaun. Op syn âlde dei bigoun er to skriuwen en doe hawwe der inkelde hûnderten ferskes fan him yn de pleatslike blêdden stien. In karlêzing, mei in ynlieding oer de skriuwer fan J. Piebenga, is to finen yn ‘It rike Jier’ (1941). In hiel gea is dêr yn forbylde, bisjoen troch it skerpe each fan in wiis en dichterlik man. In apart man wie ek Y. Wiedema (1880-1936), in skoalmaster, dy't syn lêste libbensjierren brûkt hat foar in fûleindige bistriding fan de Jongfryske biweging en in feninige, bittere krityk op party fan de jongere skriuwers. Hy hat syn lilke argewaesjes dellein yn twa tsjokke boeken: It Eigene (1934) en De Klokken fen it Fryske Hiem (1937), beide yn geef en sterk Frysk skreaun, beide ek net sûnder gefoel foar polémyske styl. It is suver tragysk to neamen dat dit skriuwtalint inkeld dizze boeken mar oplevere hat. | |
9. Twa knappe proazaskriuwersSteane Holtrop en Pollema beide mei ien skonk jit yn de tradysje fan de folksskriuwerij, de mear persoanlike kunst is harren ek net frjemd. Teatse Eeltsje Holtrop (1865-1925) wie it twade fan fiif bern fan in Dryltser skipsboumaster, dy't hwat mear koe as sljochtweihinne. Teatse wurdt, ek yn Drylts, skoalmaster en hat in goede takomst foar him: hy is by-de-tiid, hat gâns niget oan Hollânske en ynternasionale literatuer en bigjint sels ek to skriuwen. Hy is yndividualist, Multatu-liaensk-liberael, heechhertich; hy bliuwt âldfeint en rekket al ier oan de drank. Sa't it Sake Feitsma en Meint Rozenga forgyng, sa moast ek Holtrop syn ellindige wei lâns: út skoalle wei, earmoede, omheukerje, iensumheit, ta spot fan Jan-en-alleman. Aldergeloks hat de dea net to lang wachte. Folle hat er skreaun, dat der alhiel net út rint: in stik-trije blijspullen en jierrenlang gâns ‘lytse stikjes’, - moralisearjend, stikelich, faken feninich en bitter, - foar Sljucht en Rjucht; dat gyng dan meast ûnder de skûlnamme Gerben Goasses. Syn wurk foar de bern sit gâns goeds by. In bliuwend plak hat er yn de Fryske skriftekennisse lykwols woun troch syn Shakespeare-oersettingen. De ‘Hamlet’ (1925), in pear wike nei syn dea yn it ljocht kommen, en de ‘Julius Caesar’ (1928), binne kunstwurken op harsels wurden; ek sûnder it oarspronklik wurk yn it Ingelsk to kennen, fielt elk hjir de greatens fan Shakespeare en | |
[pagina 225]
| |
de tael- en foarmbihearsking fan Holtrop. Op 'e nij levere in Frysk skriuwer it biwiis foar de greate mooglikheden fan syn tael. Namme hat Holtrop ek krigen as skriuwer fan inkelde bêste novellen. Yn ‘Twa Sisters’ (1909) tekenet er sober, skerp, hurd en pynlik in ynstinktyf konflikt. De bitsjutting fan ‘De wylde boerinne’ (1914) waerd fuort net ynsjoen, likemin fan de âlderein as fan de jongerein. Doe't de skriuwer it stik oersette en op in Hollânske novelle-priisfraech ynstjûrde, waerd it bikroand en apart útjown. It Fryske origineel kaem earst yn 1931 yn boekfoarm út De novelle hat in feardige gong en is yn foarse, kantige, sterkbyldzjende tael skreaun; natuer-biskriuwing en sielkundige tekening binne masterlik tsjin elkoar ôf-woegen. As yn granyt binne hjir in pear figueren útbeitele, ûnforjitlik foar elk dy't dit proaza yn him opnommen hat. Gâns oer Holtrop syn wêzen en skriuwkunst seit ek syn koart forhael: ‘De man en de dea’ (It Heitelân, 1921, s. 199); der sit in lugubere driging en sombere swier-settigens yn dit lêste blyk fan in great forteltalint, In biheinde karlêzing út Holtrop syn wurk, mei ynlieding, hat J. Piebenga jown yn ‘Ynbannich forwar’ (1945); der sil lykwols in rommer bondel komme moatte. De skriuwer, dy't ûnder de skûlnamme Bokke Simens yn it bigjin fan dizze ieu nei foaren kaem mei fersen, dêr't tige hwat fan it moderne libbensgefoel yn stike, mar dy't oars as dichtwurk net sûnder wryt of slyt wiene, oppenearre him letter as proazaïst ûnder syn folle namme B.R.S. Pollema (1883-1948). De forhalen en novellen, dy't er yn de rin fan de tiid oan de Fryske tydskriften bydroegen hat, binne foar it greatste part sammele yn de tsjokke bondel ‘Lok en Lijen’ (1935). It binne tsien ‘forhalen út it bûnte libben’; ien dêrfan, Tsjamke, wie al earder apart útjown ûnder de titel It draeimounlefamke. Pollema hat journalist west; faeks dat dêrom syn tael en styl hwat rûch binne en dat de lêzer it gefoel kriget dat dit wurk to flotwei opskreaun is. It heart dúdlik ta de neibloei fan it naturalisme, mar der si - hoe kin it yn Fryslân oars? - in sterk romantysk elemint yn. Hast al de figueren fan Pollema driigje fan har groun en sfear los to reitsjen en troch in ûnbineambere driuw yn har ynderlik op 'e doele brocht to wurden. Man en wiif binne frjemd foar elkoar, de boargerman fornimt de rop fan it bloed en wol út syn binypt bistean weibrekke, de keapman dy't in moaiprater is blykt ûnbitrouber to wêzen, - altyd giet it oer in minskebistean dêr't spyn oan sit. Fan in útwei, rêdding, forlossing, is suver nearne sprake. De skriuwer is pessimist; it libben rint yn syn eagen op 'e nûn. De toloarstelling, dy't al út de fersen fan Bokke Simens spriek, is yn syn proaza ta wrok en synisme wurden. De wrâld sit ticht, der is gjin himel mear, it hert bistjurret fan wearze. | |
[pagina 226]
| |
10. De swetten wurde útleinMei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 is de tiid foarby, dat de Fryske skriuwerij in privileezje fan de liberalen en de sosialisten wie. It Selskip kriget daliks twa bitûfte lieders yn ds. Sipke Huismans (1873 Loaijingea-1924 Doetichem), hwaens skriften en taspraken, mei in part fan syn brieven, sammele binne yn de bondel ‘Ta in Tinkstien’ (1927), en yn dr. G.A. Wumkes (1869 De Jouwer-1954 Huzum), de Bibeloersetter, skiedkundige en skriuwer, de preker en tsjûger, de strider en lieder. Foar Wumkes wie de Fryske skrifte-kennisse it hert fan it Fryske libben en wiid en fier rounen foar him de útgongen fan dat hert. Syn namme heart yn dit boek mei de greatste earbiedenis neamd to wurden; syn wurk, breed fan omfieming en ryk oan forstean, rekket sels mear as ienkear binnen de ôffreding fan de Fryske lettertún. Mar daliks krige it Selskip ek twa mannen yn syn rige, dêr't in dichter ynsiet. Otte Sijas Akkerman (1872 Aldeboarn; blauferver) wie út de Waling Dykstra-skoalle, mar joech wurk dêr't it orthodokse folk him by thús fielde: gâns foardrachten, tiidsferskes en stichtlik rymwurk, net fan hege flecht of bysûndere djipgong, mar forsteanber, ienfâldich en blier; krekt hwer't doe forlet fan wier. Yn deselde trant, mar fuort dochs mei in oare alluere, sette ek fan ein Anders Minnes Wybenga (1881-1948 Nijewier), grifformeard as Akkerman, in man dy't syn libbensdagen op de swiere klaei fan de Dongeradielen tahâlden hat. Al foar 1908 pielde er mei it skriuwen fan Fryske foardrachten; hy hat forskate bondels útjown, hy soarge foar gearspraken, hy joech Fryske oersettingen fan Hollânske lieten, hy levere Fryske feuilletons oan de blêdden, hy publisearre in histoaryske novelle ‘It Soenhús’ (1937), hy skreau sketsen ûnder de skûlnamme Fetse Greidema. En dat allegearre as ienfâldich geaman en koumelker-gernier. De kroane op syn skriuwerslibben wie de útjefte fan ‘It Psalmboek yn Fryske biriming’ (1923); hwat Gysbert Japiks en Jan Althuysen mei syn beiden dien hawwe, die Wybenga allinne. Yn syn eigen wurk slagget it him net altyd foar de dichterlike fieling de suvere werjefte to finen; it tradysjonele, rhetoryske, didaktyske, kriget dan faek de oerhân. Mar yn syn bêste fersen is hy in oprjocht en wier dichter, in weak en waerm minske, dy't altyd hwat bernliks oer him hâldde. In lytse karlêzing út syn wurk joech ds. A.D. Wumkes yn ‘Libbens-gong’ (1936); better mei him yn 'e kunde komt men mei de bondel ‘Ljocht oer 't fjild’, fersen fan lân en bidriuw (1950). Mar ek yn oare formiddens en út oare forskynsels die it om 1910 hinne bliken, dat it mei de Fryske skriuwerij in nije kant útgyng. In man | |
[pagina 227]
| |
as dr. Piter Sipma (1872 De Ryp) hat op it gebiet fan stúdzje, biweging en ûnderwiis gâns hwat losmakke en syn learlingen sille yn 1915 de Jongfryske biweging yn it libben roppe. As skriuwer komt er minder nei foaren; fan him is de oersetting fan Schiller syn Das Lied von der Glocke, (Swanneblommen, 1908; yn Forjit my net, 1891, stiet de Noardfryske oersetting fan H.A. Carstensen). In dichter as Th. van der Schaaf (1878-1955), dy't tusken 1900-1906 oan de Fryske tydskriften syn fersen, meast sonnetten, bydroegen hat, wie der ek as biwiis, dat in oare ieu har yntocht dien hie. Mar klearder, iepener en hertstochtliker tsjûgenis fan in nij libbens-gefoel as Rixt (Hendrika A. van Dorssen, 1887, Grou) joech yn dy tiid wol gjinien. Hjir skreau in Fryske frou harsels wei yn lyryk, dêr't de brân fan leafde út lôge, dêr't de langst yn opsprong, dêr't it fortriet en de birêsting taestber yn waerden. Moast der earst safolle Fryske ynbannigens tobrekke, om ta sa'n oangripende foarm fan persoanlike bilidenis to kommen? | |
Neisjen:Foar dit hiele haedstik: D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925. Twa dielen, mei karlêzing. - Oer forskate persoanen ek yn: Tinkboek It Frysk Selskip hûndert jier, 1948. 2. Oer Onno H. Sytstra: It Heitelân, 1928, s. 257. 3. Oer J.B. Schepers: J.B. Schepers, As Frys skriuwer om utens. It Heitelân, 1929, s. 243. - Cannegieter, De Friesche Beweging (1917), s. 45-52. - J.J. Hof yn It Heitelân 1947, s. 125, 161, 224, 237 en 279. 4. Oer J.J. Hof: Cannegieter, De Fr. Beweging, s. 29-36. - O. Postma, Forjit my net 1907, s. 27; 1908, s. 207. - Dr. D. Kalma, Koarte Ynlieding ta Fjirtich Jier Taelstriid, 1943. 5. Oer S. Kloosterman: G. Postma, Forjit my net 1910, s. 277. - J.J. Hof, It Heitelân 1922, s. 6, 17, 29. - D. Kalma, Sljucht en Rjucht 1924, s. 629. - E.B. Folkertsma, De Holder 1927, s. 60. - Simke Kloosterman's lêste gong, 1939. - Dr. D. Simonides, List fan de wurken fan S.K., It Beaken I, 1939, s. 110 (sjoch ek It Beaken II, s. 99 en s. 163). 6. Oer R. Brolsma: D. Kalma, Sljucht en Rjucht, 1926, s. 703. - R. Br. over eigen werk, Het Noorderland I, s. 143-147. - E.B. Folkertsma, De Tsjerne, 1953, s. 378. - Ynliedend wurd fan dr. D. Kalma by de bondel ‘Sa seach ik Fryslân’ (1951). 7. Oer dr. O. Postma: De Tsjerne, 1953, s. 65-96 (dr. O. Postmanümer). - Fokke Sierksma, It Heitelân 1947, s. 112. - Deselde, Bern fan de Ierde, apart útjown essay, 1953. 8. Sjoch foar inkelde fan de hjir bisprutsen skriuwers en oaren: P. Terp- | |
[pagina 228]
| |
stra, Fryske folksdichters. In karlêzing út har wurk, mei in ynlieding en libbenssketsen, 1945. (Oer Sjoerd Meinesz, Rinse Meinesz, Hindrik Eeltsjes Bakker, Auke Piers Grondsma, Willem Jehannes Koopmans, Otte Sijas Akkerman, Anders Minnes Wybenga, Kees Jongsma). 9. Oer T.E. Holtrop: Wumkes, Paden fen Fryslân, II, s. 447. - Piebenga, Ynlieding ta ‘Ynbannich Forwar’. 10. Foar Akkerman en Wybenga: Terpstra, Fryske Folksdichters. - Oer dr. G.A. Wumkes: Nei Sawntich Jier (autobiografy, 1949). H.A. Algra yn It Beaken, 1954, s. 233-239: Dr. G.A. Wumkes en syn bitsjutting foar Fryslân. |
|