Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 183]
| |
1. Ynlieding en oersjochFan in wrâldsk of geastlik toaniel, sa't dat yn de lette midsieuwen rounom yn súdliker kontrijen to finen is, is yn Fryslân gjin spoar to fornimmen, It hat hjir grif ek net west: de Fryske boeren komme bûten har bidriuw allinne yn 't spier foar frijdom en rjocht, lit it wêze tsjin de fijan fan bûten of ek yn de ûntaerde foarm fan tsierderij ûnderinoar; foar soks as rederikerij en lânjuwielen hawwe hja gjin tiid en nei alle gedachten ek gjin oanliz. Dat to uzes gjin greate en rike stêdden wiene, sil der ek ynfloed op hawn hawwe; it ûntbrekken fan dit toaniel út in leech kultuerpeil to forklearjen, soe ommers al to maklik en oerflakkich wêze. De earste, yn in lang skoft de iennichste, en dan noch nei 1600, dy't bisocht hat de Friezen sels ta toanielbioefening to bringen, wie in frjemd: de dichter Jan Jansz Starter. Hy is de man, dy't de ûnderfining dy't er yn de wrâldstêd Amsterdam yn de keamer ‘de Eglantier’ opdien hat, yn de lanstedtsjes Ljouwert en Frjentsjer praktysk tapasse wol, al hat er yn it wolslagjen, sa't men út de namme fan de Ljouwerter keamer ‘Och mocht het rijsen’ opmeitsje kin, net safolle fidúsje. Hy hat it goed bisjoen: de dûmny's en de Akadeemje-Senaet forbiede dit dryst en yn har eagen wyldseauwich dwaen ek al gau en der bliuwe fan Starter syn biskavingswurk allinne mar in pear Hollânske stikken oer. Ien dêrfan hat in tuskenspul, de Sotteklucht, dat, hoe earmoedich it ek is, it earste bigjin fan Frysk toaniel hjitte kin. Starter is dêrmei gjin Frysk skriuwer wurden; hy is de earste útlanner, dy't it Frysk oan syn doel tsjinstber makket. De brulloftsdichten ‘Wouter en Tialle’ en ‘Ansck in Houck’ foarmje in weardiger ynset, al falt dit soarte fan wurk earder ûnder de gearspraken as ûnder toaniel yn ús opfetting. Yn de ‘Friessche Tjerne’ fan Gysbert Japiks polsket it bloed mei dramatyske slach; ek de oare petearen kinne jilde as de earste foarbylden fan in lange rige, foarbylden dy't net gau oertroffen wurde sille, Lit men der ‘Waatze Gribberts Bruyloft’, it botte en primitive stik dat fuort nei 1700 forskynd is, mar ris njonken sette, dan falt it mei ien eachopslach op hoe'n oase yn de woastyn de Fryske Rymlerij is, It wurk fan Feike Hiddes van der Ploeg út de jierren 1774-'80 (De Burkerij, of it boerebedrief; De fankbre Boere zoon; Het jonge lieuws Boosk) is gâns in foarútgong | |
[pagina 184]
| |
by Waatze Gribberts forgelike, mar it bliuwt sober, biheind en net botte oarspronklik; it mist de sterke technyk, de taelskittering en de rike geastlike ynhâld fan it Húsmannepetear. Al dit wurk sil doedestiids wol nea op de planken brocht wêze. It is foar lêzen ornearre, folkslektuer mei in didaktysk doel. Dêrom ek wurdt wol de petearfoarm brûkt, mar kin der fierder gjin rekken hâlden wurde mei easken fan toanieltechnyk. De Friezen, dy't Hollanske stikken skriuwe, - Wybrandus de Geest, Onno Zwier van Haren, Simon Stijl, Jan Auckes Backer, - kinne it hwat hegeroan probearje en har wurk min of mear op it spyljen ynklaeije, de Fryske skriuwers kinne har sokke kânsen fansels net iens foarstelle, Hja gripe it petear graech oan, mar dogge dat om de styl libben en folksaerdich to hâlden en om de to bisprekken saken klear en koartswilich útbyldzje to kinnen: sjoch mar hoe de Halbertsma's it oanlizze en sjoch ek, hoe'n master yn de twaspraek Waling Dykstra wol net is. Yn de earste helt fan de 19de ieu lykwols kriget it toaniel hjir ek yn Fryslân in plak, al is it mar lyts. Foar de godstsjinstige groundearring fan it libben tidens de bêste jierren fan de Republyk is it stribjen nei forljochting yn it plak kommen; sil dat stribjen yngong fine, dan moat njonken it ûnderwiis it toaniel brûkt wurde. Ljouwert, Harns en Snits kinne fan datoangeande al gau meidwaen en frijhwat greate doarpen krije in rederikerskeamer of in resitearkolleezje. It is tonearsten mear in spultsje fan de hegerein en de deftige middenstan, mar njonkenlytsen komt it folk ek los. De stikken binne meast ymport út Frankryk of Dútsklân, via Hollân fansels, mar ek Hofdijk wurdt spile. De lju sille doe ek wol gau tofreden west hawwe. In Fryske ynslach krige de toanielspylderij yn de earste tiid allinne troch it wurk fan mr. A. van Halmael Jr, ien út de rounte fan it Frysk Genoatskip, dy't de stof foar syn Hollânske, histoarysk-romantyske stikken út it Fryske forline naem, (Ats Bonninga, 1830; Adel en Ida, of de bevrijding van Friesland, 1831; Radboud de tweede, Koning van Friesland, 1839; De Schieringers en de Vetkoopers, 1841). De trije Shakespeare-oersettingen fan ds. Rinse Posthumus hawwe op de ûntjowing fan it toaniel net ynwurke: hja binne nea spile en ek net folle achtslein. Dêr is fansels yn to kommen, mar dat Harmen Sytstra syn blijspul ‘It boask fan de Kastleinsdochter’ (1842), sa'n aerdich folksstikje oars, grif nea opfierd is, biwiist dat it folk doe jit fier fan Frysk toaniel ôfstie. Dat soks yn inkelde jierren sa folslein foroarje koe, is net de lytste winst fan de folksskriuwerij. Dy omkear spilet him om 1860 ôf. It is de tiid fan in opbloeijend forieningslibben: fersopsizzersselskippen, sjongforieningen en leaf-hawwerij-komeedzjes forrize rounom. It folk kriget wakker niget oan | |
[pagina 185]
| |
dit soarte fortier, mar fielt him yn de Hollânske of frjemdlânske sfear net altyd goed thús. It is de lêste jierren troch it oanwinnend tal Fryske boekjes hwat better ta it lêzen yn eigen tael biwend rekke, de folksskriuwers jowe net allinne praktyske lessen mei har winterjounenocht, mar soargje ek foar spylbere stikken en sa is de hikke fan de daem. Sûnt 1860 kin der foar it earst mei rjocht fan ‘Frysk toaniel’ praet wurde.Ga naar voetnoot1) It leit yn 'e reden, dat dit suver allinne folkstoaniel is. De skriuwers komme op út it sljochtwei folk en hja lizze har mear út op it jaen fan learing en formeits, as op it bringen fan kunst. Botte oarspronklik is de stoffe fan har wurk ek altyd lang net; hja ûntliene in protte oan de âldere toanielliteratuer, lykwols net sûnder dat hja de hiele sfear forfryskje en der sadwaende hwat eigens yn lizze. De stikken binne maklik to spyljen, mar stadichoan wurde de easken dochs heger steld. It Frysk Selskip skriuwt yn de tachtiger jierren priisfragen út foar toanielstikken, der komme goede toanielselskippen - lyk as ‘Thalia’ to Grou - dy't nei oare plakken reizgje, ja, der tekenje har sels rjochtingsforskillen ôf. Sa roppe Oebele Stellingwerf en Piter Jelles Troelstra yn 1881 de Fryske Keamer ‘Gysbert Japix’ yn it libben, foar it Ljouwerter Toaniel Selskip oer; hja wolle in mear natuerlik en réalistysk toaniel, ynsté fan it falsk-romantyske en melodramatyske toaniel, dêr't T. Velstra en S.H. Hylkema de foarstanners fan binne. It is de skriuwers mei har stikken net allinne om nocht en wille to rêdden, mar hja kenne der ek in ‘earnstich opfiedende krêft’ oan ta. ‘Alear learde it jongfolk de katechismus-fragen, nou leare se komeedzjestikken.’ It minskdom giet foarút, de biskaving nimt ta, it pit en de marge fan de wrâld is goed. De tendins, it moralisearjen nimt yn de stikken in great plak yn en dêr is it forbân mei de folksskriuwerij ek wol dúdlik út op to meitsjen. It is it boargerlike liberalisme, dat út hast al dizze stikken sprekt; as der ien sûndebok is, dan is it de orthodoksy. Stadichoan komt der in mear radikale ynslach, as it sosialisme it plak fan it liberalisme bigjint yn to nimmen. It propaganda-toaniel siket it binammen yn it pleit foar ûnthâlding en steatspinsioen. Sit der sa yn it tiidrek 1860-1900 al foarútgong, nei 1900 stiet de ûntjowing net stil. Liedende figueren binne ynearsten de dramatyske talinten Schuitmaker en Canne; siket de earste it mear yn de wei fan it naturalisme en it sosiale konflikt, de lêste stribbet hyltyd mear de psychologyske fordjipping nei. De stikken wurde slimmer to spyljen, | |
[pagina 186]
| |
de kranten komme nou ek mei toanielkrityk. Yn in earnstich skriuwster as I. Kaastra-Bakker sprekt net mear it sterkst it maklik protest tsjin de maetskiplike misstannen, mar binammen de seedlike forûntweardiging, it meifielen mei al it forspeine en forlittene. De Jongfryske biweging fan 1915 bringt gjin dúdlike fornijing fan it folkstoaniel; skriuwers as Barend van der Veen, J.P. Wiersma en S.D. de Jong geane wol fierder, mar dochs op de âlde paden. Ien as dr. D. Kalma hat it jierren lang socht yn it aristokratysk-idealistyske of yn it nasionale toaniel, mar ta in opfiering kaem it mar komselden; earst yn it lêst fan syn libben hat er him nei it folkstoaniel ombûgd. Fedde Schurer hat biwiisd ek twa kanten út to kinnen, mar by him lizze de utersten net sa fier fan inoar. Is Abe Brouwer in fuortsetting fan de 19de ieu, likegoed as A. Meester-de Vries, - it décor, de ‘tael’ en de thema's wikselje hwat, mar de geastlike eftergroun suver net, - inkelde proazaskriuwers en dichters bisykje foarsichtich ta in eigen styl to kommen: R. Brolsma, D.H. Kiestra, D.A. Tamminga, Y. Poortinga, F. Dam en P. Terpstra, Der komt ek hwat mear forskaet en earmslach langer: lekespul, iepenloftspul, sjongspul, harkspul, wurde skreaun en opfierd; moderne stikken út oare talen wurde oerset en fan amateurs spile. Ek yn Fryslân is it tige slim yn it toaniel de goede kombinaesje fan gebrûkswearde en kunstwearde to finen. Bloeit it Frysk toaniel yn ús tiid dan net as in parrebeam yn de maitiid, it libbet dochs as in hart. | |
2. Twa pioniers : Waling-om en Tsjibbe GeartsTwa mannen, Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen, alhiel út it folk opkommen en dêr yn har deistich bistean tachtich, njoggentich jier lang op 'en nausten mei forboun, waerden de baenbrekkers fan it Frysk toaniel. Doe't hja oanpakten wie it de gouden ûre: hja hiene har spoaren op it stik fan de folksskriuwerij al fortsjinne, hja kamen fuort net mei easken fan regy en toanielynklaeijing dy't de lju ôfskrikke koene, hja joegen forstannige lieding yn foarwurden, krantestikjes en eigen foardragerijen. Ek setten hja de minsken daliks gjin kost foar dy't to dreech op de mage lei, mar bisochten hja it earst mei kluchten en blijspullen; it folk hie nou ienkear leafst in stik ‘dat grappich wie en sonder folle omslach útfierd wirde koe’. Beide skriuwers seagen gauris Hollânske stikken en liezen fan de toanielliteratuer hwat har yn de hannen kaem. Yn de oaneigening fan frjemde motiven geane hja fier, mar hja bihâlde har frijheit en yn mannige ‘forfrysking’ is de ûntliende stoffe inkeld brûkt as oanlieding ta eigen utering. It binne ek hast altyd de tradisionele motiven dy't | |
[pagina 187]
| |
bihannele wurde: de forhâlding tusken man en wiif, it forskil yn stan of bisit as wjerstân foar in houlik, it himsels opofferjen fan in bern foar syn âlden of oarsom, in bern dat min bijegene wurdt mar dochs wer op syn plak komt (it Jiskepûstersmotyf), in âld man dy't foreale is op in jongfaem, en mear sokke húshâldlike en seedlike kwestjes. De morael is tige strang, troubrek of hwat dêr op liket moatte dizze skriuwers neat fan hawwe, en ûndeugden lyk as slijens nei drank kinne troch it ljocht fan de rede oerwoun wurde. Waerd it earst frijhwat yn it kluchtige socht, njonkenlytsen kriget de sedeles mear omtinken. De gjirrigert, de skarlún, de drinker krije as tsjinpartij de goederjowske, de wolmienende en de earnstige wrotter. Dêr't de godstsjinst to praet komt, is de foarstelling fan saken suver skématysk: orthodoksy is frijwol itselde as skynfrommens; de rjochtsinnigen wurde troch de by har bisteande kleau tusken leare en libben ta húchelders; de finen hawwe wol de dogma's, mar net de morael. It positive fan dit boadskip is dan, dat de godstsjinst hielendal yn seedlikheit opgiet. Fan de tritich, fjirtich stikken, dy't Waling Dykstra yn de jierren 1860-1907 útjown hat, - forskate waerden trije, fjouwer of fiif kear werprinte, - falle der yn de earste twa jier allinne al fiif. ‘Sokke mar mear’ hat wol hwat fan de midsieuske klucht Nu Noch; ‘In útfanhûzer by de bakker’ is in blijspul yn aleksandrinen en biwiist, dat Dykstra dy fersfoarm wol yn 'e macht hat; ‘De Utdragerswinkel’ is in kluchtspul mei sang; ‘In faem en in arbeidster by Keapman Watse’ is ek al nei in âld-Hollânsk motyf biwurke en wiist der op, dat de leafde fan gjin twang witte wol; ‘De gjirgens bidraecht de wysheit’ hat al in tige learend karakter. Fan de lettere stikken waerden fral de frije biwurkingen nei Molière in protte spile. ‘Oebele Glûper’ (1875) wie it suksesstik fan dy tiid en binammen ‘Thalia’ fan Grou hat der eare mei ynlein. Net allinne de famyljeforhâldingen wurde hjir forfryske, mar ek wurdt fan de roomske Tartuffe in protestantske Glûper makke. De namme ‘Glûper’ is fansels ek mei sin keazen; Dykstra mei graech oer oantsjuttingen as ‘Lubbert Erchtink’ of ‘De Skearwinkel fan Toan Sjipsop’. Syn genre, blijspullen en kluchten, liende der him ek wol ta. Oan in drama of in probleemstik hat er him net weage en hy hat him ek bûten de sosiale striid fan syn dagen hâlden; partij-kieze die er net, of it moast tsjin de orthodoksy gean. Syn tiid hat er blykber tasprutsen, mar ús ieu kin dizze stikken min mear wurdearje. Gjin lytse fortsjinste is lykwols, dat er de striid oanboun hat tsjin it bringen fan falske romantyk en healwize oanstelderij, yn dy jierren op 'e planken earder regel as útsûndering. | |
[pagina 188]
| |
Tsjibbe Gearts van der Meulen syn toanielproduksje is sa great net as dy fan Dykstra en is ek oars fan aerd en opset. Hy is wylder, boartliker, ûntspoart gauwer, mar taest op it goede stuit mei syn humor ek djipper. Syn foarleafde foar opera's, foar dramatyske seldsumheden en foar alles hwat deftich wie, hat him grif ek gjin goed dien. Hy bigjint mei ienfâldich wurk: ‘Mâl út, mâl thús’ (1859), dat in sechste printinge bilibbe hat en ‘Fan de Wylp nei Ljouwert en fan Ljouwert nei de Wylp’ (1861), dat, lyk as oare stikken ek wol, letter omwurke is. It stik ‘Trye Snieuntojounen, of: in segepreal fôr 't bîgelove’ (1870) bihannelet de leafde mei stânsforskil, mar is fral in oanfal op de rjocht-sinnichheit. Tsjibbe Gearts hinget sels it modernisme yn syn meast radikale foarm oan, mar kin it net litte dochs hyltyd syn bitinken oer de godstsjinst to jaen. It stik ‘Troch 't tsjoede ta it goede’ (1876) hat ta motto: ‘Jimmer heger jimmer better, Nei de geest en nei de letter, Dat's de stelling fan in ketter’ en men kin der trijerlei foarwurd yn fine. It sprekt hast fansels, dat frompraterij, rabberij en byleauwe hjir meielkoar lykop geane. Tsjibbe Gearts sjócht wol hwat fan de problematyk, mar hy kin har net oan. Mei fan syn bêste en meast spile stikken binne de beide biwurkingen nei poëzij en proaza fan Eeltsje Halbertsma - Murk fan Ipekolsgea (1884), De reis nei de jichtmasters (1898), - mar ek dêr kin er it soms net litte de âlde en de nije leare (de genede en de wurken) foarelkoar oer to setten. It giet him lykwols mear oan as Waling Dykstra, hy sit der ek better yn; hy is ek net sa'n rasionalist as er him foarjowt to wezen. Ut it roer rinne docht er raer mei ‘In stoatersk dasspjeldtsje’ (1899), dêr't de wierheit neat fan natuer mear hat, mar forgoed mei in fiks poarsje melodramatyk forgulde is. Yn ‘In oproer yn 'e skoalle fan master Broor yn 1787’ (1901) hat de skriuwer hiel hwat forhalen oer it eardere skoallewêzen en oer kostlike doarpstypen forarbeide, mar ek hjir komt de rjochtingstriid oan to pas. | |
3. Romantyk en réalismeLeit yn it wurk fan dizze twa foargongers sawol hwat fan romantyske as fan réalistyske opfetting, - it mingsel is stéfêst oanmongen mei in poarsje moralisme, mar dat komt yn de toanielwrâld faker foar, - der binne yn de 19de ieu ek toanielskriuwers, dy't tichter by ien fan beide utersten lizze. Dat romantyk yn de literatuer, fral as hja net fan it bêste soarte is, tige produktyf wêze kin, hat Tsjeard Ritskes Weistra (1840 Lekkum- 1918 Ljouwert; boer, Steatelid, rintenier) dúdlik biwiisd. Tusken 1865 | |
[pagina 189]
| |
-'98 hat er yn de Selskipswurkjes frijhwat bydragen hawn en letter hat er trije dieltsjes ‘Rimen en Teltsjes’ útjown, dy't allegearre bêst yn it forjittelboek bliuwe kinne. Fan 1880-1902 kaem der boppedat elk jier in toanielstik út, wylst in stik as sawn net iens printe binne. Ien dy't safolle stikken út 'e mouwe skoddet, dy't dan ek noch fêst opfierd en soms bikroand wurde, moat syn tiid dochs hwat sein hawwe, mar ús is dat in riedsel. Wie it publyk sa min wend oan toaniel, wie it sa dom, hie it sa'n bytsje krityske smaek? Fierwei de measte stikken binne byinoarbakt: in seldsum gearmjuksel fan bjusterbaerlikens en prekerij. Hoefolle romantyske kleurkes as der ek út in guodkeape ferfdoaze op smard binne, it bliuwt boargerlik wurk sûnder wierhaftich libben. Titels as ‘Sjouke de Vries, ef, Rjucht en Sljucht giet er mei’ (1881, mei in earste priis bikroand), ‘It Kistje mei Geheimen, ef, Alde Ljeafde roastet net’ (1886), ‘Age en Aechje, of, Jonker Sicko yn de Wirkstaking’, fan histoaryske drama's as ‘Jarig en Frouk, ef, de Noaren yn Fryslân’, ‘Ascon en Octavia, ef, It frijmakke Fryslân’, sizze foar de goede forsteander genôch. Tiid, warberens, liberale sfear, falsk sentiment, moasten by dizze skriuwer goedmeitsje hwat der oan talint ûntbriek. Sa produktyf as Velstra wiene fansels allegearre lang net. Sjouke Hylkes Hylkema (1852 Akkrum-1922 Velp; hannelsman), ien fan de oprjochters fan it Ljouwter Toaniel Selskip en dêr de earste jierren de lieder fan, skreau yn de jierren 1875-'85 yn de Selskipswurkjes, publisearre de ‘Brieven fen in Skutter’ en forskate lytse toanielstikjes en sangfoardrachten, mar brocht it net fierder as trije toanielstikken (± 1881). Cornelis Douwes van der Weg (1834 Hallum-1893 Doangjum; boer, fédokter, boargemaster) syn wurksumheit leit ek yn de jierren 1880-'90. Oeuvre: in stikmannich sketsen oer doarpslibben en fjouwer toanielstikken. Willem Vrijburg (1850 De Sweach-1925 De Sweach; timmerman, kastlein, wethâlder) levere gâns koartswyl, mar noch mear mâllichheit, Forskate foardrachten en nei 1881 trettjin toanielstikken. Tabo Wigev Sytstta (1856 Baerd-1925 Moarmwâld; bakker), soan fan Harmen Sytstra, skreau forhalen en fersen. Joech njoggen stikken út yn de jierren 1896-1920; bûten de aerdige neistikjes hearden dêr by de greate stikken ‘Heit en Soan’ en ‘Boer Jelle’, it lêste makke nei in lêsber folksforhael fan him, De Polderjonge, dat yn 1928 jitris apart útjown is. Dat wiene dan fjouwer tiidgenoaten fan Velstra, skriuwers allegearre dy't yn folle de twa pioniers bisochten nei to folgjen. It heart ta it minsklik lot, dat neifolgers ornaris earder it lek en brek as de goede kanten fan har foargongers oernimme en sadwaende wie it Frysk toaniel om 1880 hinne al frijhwat yn de hoeke fan de ûnwiere pathétyk | |
[pagina 190]
| |
en it oerdreaune romantisme tolânne kommen.Ga naar voetnoot1) Sá slim stiet it der dan blykber foar, dat Oebele Stellingwerf mei help fan Piter Jelles yn 1881 de keamer ‘Gysbert Japix’ oprjochtet as forwar tsjin ûnnatuer en ûntaerding. Har doel is tige biwust it Frysk folkslibben op 'e planken sjen to litten sa't it yn werklikheit is, om sadwaende de jonge toanieltradysje op heger peil to bringen. Piter Jelles syn koart stik ‘Oan 'e sédyk’ (1881) is bigjinnerswurk en mei ek earder romantysk as naturalistysk hjitte, mar it is net sûnder deugden en sûnder goed ûnthjit. Stellingwerf syn ‘Giet it sa?’ (1881) is réalistysker, mear op it aktuéle libben ôfstimd: lânboukrisis, ûthuzigens fan manlju en froulju, herberchrinnerij; der sit suver gjin prekerij yn, de feiten sprekke foar harsels, de polityk wurdt der bûtenhâlden. It wie in goede ynset, mar spitigernôch hat dizze skriuwer letter allinne mar mear in blijspul jown (It hûsbisiik by Goasseboer, 1888). De ‘keamer’ sakke gau yninoar, de produksje fan goede toanielspullen waerd dêrmei ek opkeard. Ien fan de bêste stikken ut dizze tiid is ‘Wikje' Kar’ fan S. Koopmans (1884), dat lykwols troch in priisfraechkommisje like heech oanslein waerd as Velstra syn ‘Trou ef Untrou?’ en Van der Weg syn ‘Smids Feikje’. De skriuwer hat mar ien stik levere en fierder allinne histoaryske bydragen jown; dat er it oan koe, blykt dúdlik út dit stik oer it tragysk forrin fan in forkearing yn it boereformidden fan om 1870 hinne. Om alderlei redenen sil men ‘Wikje' Kar’ hjoeddedei noch mei wille lêze kinne. By Stellingwerf syn rjochting heart ek it meast thús it wurk fan syn freon J.S. van der Steegh (De pronkskens fan de froulju is de manlju har skuld, 1880; Keapman Rouke, 1883). Dy doar wol fûle, minsklike konflikten oan, mar hy giet net djip en hâldt syn figueren to nochteren en tofolle yn swart en wyt. Yn dit forbân heart ek Japik Hepkema neamd to wurden, dy't fan 1871-'93 fiif wakker ûngelyksoartige stikken skreaun hat. As tiidsbyld is tige fan bilang syn ‘De Reade Flagge’ (1893), in stik oer de maetskiplike tsjinstellingen en it opkommen fan de sosialistyske biweging, soms suver journalistyk, mar mei folle minsklik bigryp en meifielen en net iensidich-partidich, al doar it wol to kiezen. Ien as F.G. Looijenga, in Jouster kastmakker, dy't tusken 1888-'99 fjouwer stikken skreaun hat, is dochs mear bikend wurden troch syn biwurking fan Wagenaar syn ‘Tsjerk Ages’ ta iepenloftspul ûnder de namme ‘Frije Friezen’. | |
[pagina 191]
| |
4. Om folk en minskheitGiet men de toanielproduksje nei fan ien as Bonne Sjoukes Hylkema (1862-1935), trettsjin stikken yn de jierren 1886-1930, dan is dêr fan in forfrissing of fornijing fan it Frysk toaniel neat yn to fornimmen; it is âlderwetsk, tradisioneel wurk, winliken sûnder ynhouten of iennige alluere. Itselde moat ek wol sein wurde fan de likernôch tweintich stikken, dy't de Ljouwerter Doeke Harmens Zylstra (1861-1948) yn de heale ieu nei 1889 forskine litten hat en dy't folle spile waerden: it binne gebrûksartikels, sljocht, primityf, soms mei aerdige folkshumor, faek plat by de groun. Gjin inkelde kear reitsje beide skriuwers fan har lytsboargerlike sfear en eachweid los. Né, dan jit leaver Klaes Stienstra mei syn ‘Dy Godloazen’ (1897), hoefolle bitterens, sosiale wrok, antitsjerklikheit en godstsjinsthaet der ek yn geartroppe binne, of Sybren Valkema (1850-1921) mei syn ‘Ut frije leafde’ (1894), dat op moderne, revolúsionair-idealistyske wize de frijmakking fan it houlik út de binypte bannen fan stânsbigryp en boargerlik rjocht foarstiet Earst de ieukear bringt de fornijing, dy't yn mannich opsicht ek in omkear is. Fuortoan is it Frysk toaniel net mear allinne ûntspanning mei in sedeleske der op ta, mar hat it in boadskip. Der komme twa dramatyske talinten nei foaren, dy't midden yn har tiid en net yn in efterôfhoekje fan de wrâld stean wolle. Mei hwat guodkeape romantyk en deistige húskeamertaferieltsjes binne hja net mear tofreden, hja sykje nije wegen. Yme C. Schuitmaker (1877 Frjentsjer) is de man, dy't yn in skerp oanfielen fan maetskiplik leed en minsklike ellinde bisocht hat op it toaniel ta in libbene útbylding fan de sosiale misstannen to kommen. Hy hie yn en om Frjentsjer as arbeider en letter as ierappelkeapman forkeard tusken flaeksbrakers, sjouwers, bokskippers en sutelders, hy hie fan tichtby de opkomst fan de reade en de blauwe biweging meimakke en him dêr efter steld, hy hie ek it wiere toanielbloed yn de ieren. Fan de moderne skriuwers hied er al gau leard de werjefte fan dy maetskiplike tsjinstellingen net yn lange, prekerige petearen to sykjen, mar yn aksje, wikseling, direktens; hy waerd dêr sa handich yn, dat it him op 'en dûr muoite koste hwat djipte to biwarjen. Hy hie ek in iepen each foar de bihyplike technyske en geastlike omstannichheclen dêr't it Frysk toaniel om 1900 hinne yn forkearde, mar hy liet him der net fan bine: hy briek mooglikheden los en dat is reden mei fan de opfiedende ynfloed, dy't fan syn earst wurk útgien is. Schuitmaker syn sterk fielen foar it komyske, syn net al to foarname grappichheit, syn sin foar de werklikheit yn boun mei syn tûke waernimming, twinge him gauris ta it kiezen fan typen; dêr sit grif ek in diel | |
[pagina 192]
| |
birekkening fan effekt yn, mar dochs net minder meifielende minsklikheit: dy figueren binne ommers mear tragysk as kluchtich bidoeld. It misforstân is ek wol lein op syn stikken mei in satirike ynslach, dy't faek as blijspul of klucht spile binne, mar dochs in earnstige ûndergroun hawwe. Technysk tige handich yninoar set en mei in ynhâld, dy't alteast yn de loftse hoeke alhiel yn it tiidsforstean lei, moasten syn stikken der wol tige ynfalle. Hy hie in greate ynfloed ûndergien fan Herman Heijermans, - minder fan Ibsen, al is ‘Skyn’ (1910) dúdlik troch ‘Steunpilaren der maatschappij’ ynspirearre, - en binammen dy syn skerpe tsjinstelling tusken ljocht en skaed loek him tige. Fangefolgen waerd syn earste produksje ûnformomme tendinswurk; lyk as yn alle naturalisme sit hjir ek withoefolle sosiale krityk yn: de drank en it kaptael binne de erflike fijannen fan de lytse man en de forhûddûke arbeider. De earlikheit fan de ynspiraesje en de krêft fan de oertsjûging forhinderje lykwols, dat de kunstwearde fan de tendins oantaest wurdt en dêrom lêst de toanielleafhawwer fan hjoed de measte âlde stikken noch tige graech, (Maerteblom, Op wylde weagen, Neist elkoar, Frij, Skyn, Lysbet, allegearre út de jierren 1904-'12). Blijspullen as ‘De klanten fen Kiker’ (1907) en ‘De Kandidaet’ (1913), kluchten as ‘De slaven’ (1905) en ‘Feest yn 'e Wilewai’ (1909), al moatte hja hiel oars bioardiele wurde, hawwe ek peil. Spitich is, dat de skriuwer sa rûch en ûnachtsum mei it Frysk omgiet; ien dy't de folkstael brûke wol sûnder har to bihoffenjen, jowt oan fealens de foarkar boppe glâns. Schuitmaker hat him net op deselde hichte hâlde kinnen. Oft dat út it toloargean fan it maetskiplik ideael en it seedlik protest forklearre wurde moat, is net biwiisd, al liket it der wol op. Hie de geastlike eftergroun dochs to smel en to slop west? Ridlik gau al like er útskreaun; dochs hat er trochskreaun: it koe net oars, of it moast wol yn de herhelling en de forsearring socht wurde. Syn technyske bitûftens waerd sa fan foardiel suver ta neidiel. Dat it lettere wurk mar sa'n bytsje en sa selden oertsjûget, koe wolris ta oarsaek hawwe dat Schuitmaker net genôch mei syn talint (en mei de minske) yn de striid gien is. Fordjipping fan it skriuwerskip kostet altyd folle mear bloed as inket. Jowt in ienakter as ‘Ropping’ (1923) jit in biwiis foar syn great kinnen, forskate neistikjes, sketsen en satires, dy't er nei de earste wrâldoarloch skreaun hat, binne net folle mear as handich makwurk. As sadanich moatte ek biskôge wurde syn revue's en iepenloftspullen, dêr't it folk faek wakker fier mei roun, mar dy't ornaris dochs fiersto guodkeap en oerflakkich opset binne. Better is it stik ‘De sang fen 'e tiid’ (1917), dat neffens ûtlânsk foarbyld de foroaringen yn Fryslân tidens de lêste heale ieu útbyldzje wol. Dat Schuitmaker, neffens syn | |
[pagina 193]
| |
YME C. SCHUITMAKER
(Nei in skilderij fan A. van der Sloot) | |
[pagina 194]
| |
eigen mjitte metten, net allegearre ‘earste keur’ jown hat, is mei sa'n rike produksje to bigripen, mar lykwols to bitreurjen. Dochs is fral troch syn wurk it Frysk toaniel op gâns heger plan kommen. Rudolf Wilhelm Canne (1870 Wûns-1931 Amsterdam) is minder gau tofreden as Schuitmaker, is ûnrêstiger en dynamysker, siket it mear yn de djipte fan sielkundige tekening as yn de breedte fan typeskildering; it is him earder om de wierheit as om de tendins to dwaen en hy is de earste yn Fryslân, dêr't men ynfloed fan de psycho-analytyske skoalle by fornimme kin. It ûnforbidlik bleatlizzen fan it heimenis fan de minsklike siele, de hertstocht om de forhoalen driuwkrêften fan tinken en bigearen to trochgrounjen, de oanstriid alle leagen bleat to lizzen en elk oantlit it falske mombakkes ôf to skuorren, hoe pynlik dat ek wêze mei, en by einbislút in swiersettige birêsting, in skeptysk, heal guodlik en heal feninich biskôgjen fan al it lyts-minsklike, - dat allegearre, sa typearjend foar dit tiidrek fan bloei yn de ynternasionale toaniel-literatuer, komt ek yn Canne syn wurk ta utering. Canne sels, ûnfrysk fan komôf en namme, is faken in ûnfrysk aerd taskreaun, mar net folle minsken hawwe har sa oan Fryslân forboun field as hy, ek al wenne er it greatste part fan syn libben om utens. Moedich, striidber, aktyf, forheftich libjend minske as er wie, waerd er jimmer fan de twaspjalt pleage. Gjin niget, dat er faek humorist wêze woe en yn de groun fan syn wêzen pessimist wie. Men kin der ynkomme dat hy, dy't forskate biografyen fan Fryske skriuwers jown hat, him mei foarleafde yn Salverda en Boonemmer fordjippe hat. De titels fan syn earste stikken - Libbensstriid, 1905; Fen 't hirde libben, 1906; Yn dúnjende djipte, 1908; It njuggende gebod, 1912 - jowe meiïnoar al in foege karakteristyk fan it aerd fan syn wurk. ‘Dêr wier ris...’ (1916) wurdt ornaris as it hichtepunt fan syn produksje bisjoen en it stik mei ek in kunstwurk hjitte. It konflikt dat werjown wurdt, in trijehoek yn de leafde, liket modern, mar hoe sober, ynbannich en eigen, foar alles hoe earlik is dit forarbeide. Moatte der moaije dreamen forsteurd wurde, hawar dan, hwant hwat is in dream oars as skyn en yllúzje? De swierrichheden wurde net weinommen, - mei Schuitmaker hat er in forfolchstik op ‘Dêr wier ris...’ skreaun, ‘Peaske’ (1929), mar allinne hat er it ek mei in oar forfolch probearre, ‘De misse set’, - hja geane ús lykwols mear as tydlik en oan de bûtenkant oan. Canne syn oare stikken birikke dizze hichte en forfining net, mar binne hast altyd mei in greate earnst en leafde foar it Frysk toaniel skreaun en tsjûgje fan sykjen, eksperimentearjen, stribjen nei fornijing. Hoewol er in bêst toanielkenner wie, socht er it net yn de handigens fan in knappe technyk; faeks liet er wol hwat altofolle striid | |
[pagina 195]
| |
RUDOLF WILHELM CANNE
| |
[pagina 196]
| |
en tobrutsenheit sjen, earlik strider mei it libben en wrakseler om de wierheit as er wie. Dêr't er syn pessimisme ûntflechtsje wol, sa as yn de blijspullen út it lêst fan syn libben, stuitet men gauris op forsearring; itselde treft jin ek yn de hwat sûre humor fan syn proaza-sketsen, dy't om har flottens, libbenens en direktens, en ek om har taeleigen, dochs boppe it sljochtwei peil útkomme (sammele yn ‘Rûchkâlt’, 1926). Njonken dizze twa útstykjende talinten moat jit Ibeltsje Kaastra-Bakker (1866 Akkrum-1923 De Jouwer) neamd wurde, in earnstich toanielskriuwster, dy't earst nei har fjirtichste jier bigoun is en doe in dozyn stikken jown hat, dêr't in waerm en sterk meifielen mei al it iensume, forlittene, earme en helpeleaze út sprekt. It is tendinswurk, - steatspinsioen, ûnthâlding, âlden fan dagen, de net troude mem, - mar it is earlik en oprjocht, ek as it weak of sentimenteel is. Titels as Ald en earm, 1908; 't Genadebrea, 1909; Driuwende wrakken, 1911; Naömi, 1912, sprekke foar harsels. Ienfâldich minske as hja wie - ‘een schrijvende huismoeder’ hjitte hja yn de kranten - libbe hja út in Frysk, sosiael idealisme. Oaren, dy't yn dizze tiid mei toanielwurk nei foaren komme: T.E. Halbertsma, J. van der Tol, T.E. Holtrop, C. Wielsma en mear, moatte hjir ûnbisprutsen bliuwe. Suver op it fjild fan ûntspanning en formeits leine de sangfoardrachten, dy't om 1900 hinne tige yn 'e moade wiene en by hûnderten skreaun waerden, û.o. fan C. Wielsma, D.H. Zylstra, Sjouke de Zee, W. Vrijburg, Joh. Rypma en R.K. Zylstra. In nije foarm fan Frysk winterjounenocht is yn dy jierren ûntstien, dêr't de nammen fan Meint Rozenga (1854 Hallum-1901 Marrum), S. Molenaar en L.F. Krips oan forboun binne en dy't troch stikken as ‘Oept en Kekke’, ‘In spantsje’ en ‘Fan Ljouwert nei Jellum-Boksum’ wol neijernôch karakterisearre wurdt. Ien, dy't op dit gebiet letter hiel hwat en ek wol folle goeds út 'e wei setten hat, wie G. Elgersma (1868 Rie-1919 Den Haech), dy't mei syn bondel libbenslietsjes ‘Ut it Libben’, 1917, en syn jongesboek ‘Sipke en ik’, 1922, bliken joech om utens Fryslân net forjitte to kinnen. Syn humor mei hwat grou wêze, mar hy wist faek flot to typearjen. | |
Neisjen:Yn it algemien: P. Sipma, De oorsprong van het Friesche tooneel; De Vrije Fries XXV, 1917. - D.H. Zylstra, Frysk toaniel; Swanneblommen, 1921, s. 56. - Tinkboek Ljouwerter Toanielselskip, 1881-1931. - J.W. Dykstra, It toaniel fan earder en letter; Fryslân, 1936-'38. - Dr. Y. Poortinga, It Fryske Folkstoaniel (1860-1930), 1940. Yn dizze tige lêsbere dissertaesje stiet net allinne in learsume ynlieding, mar wurde ek de foarnaemste skriuwers en har stikken mear yngeand bihannele. | |
[pagina 197]
| |
Oer persoanen: Sjoch foar Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen de forwizingen efter it haedstik ‘Folksskriuwerij’ yn dit boek. Tsjeard Velstra: Fryslân, 1930, s. 33-36. S.H. Hylkema: Fryslân, 1929, s. 49. C.D. van der Weg: Fryslân, 1929, s. 17. W. Vrijburg: Wumkes, It Heitelân, 1925, s. 158. Oer Y.C. Schuitmaker: H.G. Cannegieter, De Friesche Beweging, 1917, s. 13-19. It Heitelân, XX, 1938, s. 5-8. Oer R.W. Canne: D. Kalma, Frisia, 1931, s. 241-243. Oer Y. Kaastra-Bakker, Cannegieter, De Fr. Beweging, s. 85-90. Oer M. Rozenga: J.P. Wiersma, It Heitelân, 1926, s. 621. Oer G. Elgersma: Foaropwurd yn ‘Sipke en ik’. Hwat der fan 1860-1940 printe is oan Fryske toanielliteratuer, stiet frijwol folslein oanjown yn ‘Catalogus der Friesche Taal- en Letterkunde’, 1941, fan de Prov. Bibliotheek yn Ljouwert. |
|