Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 168]
| |
1. Algemien oersjochAl yn de figuer fan Colmjon wiene de drystens en it sterke lûd fan it earste tiidrek fan de Fryske romantyk frijhwat bikommen; syn wurk is suver en oprjocht, mar biskieden en op syn heechst fan de goede midsmjitte. De fortsjinsten fan de folksskriuwerij sjocht er klear, mar hy is net kritysk genôch om tagelyk foar de faeije kanten to warskôgjen. Bytiden lit ek hy him suver oerhelje yn de Fryske skriuwerij it middel to sjen ‘om domperije, bygelove en dûmnyshearskippij ûnder it folk tsjin to gean,’ It kin net oars, hjir moat har op 'en dûr in tobrutsenheit oppenearje: it romantysk herte lûkt nei it âlde, dat it yn langstme en dream koezet, én nei it nije, dat it ûnforduldich en biswarrend forwachtet; it rasionalistysk tinken lykwols twingt ta in brekken mei dat âlde, ta in ôfstân dwaen fan leauwen, ta in mistrouwen fan it mystearje. Hat Colmjon jitte it foarbyld fan Sytstra en Tiede Dykstra foar eagen, de jongerein fan nei 1860 moat sels mar de útwei út dy ynderlike fortizing sykje. Klearens fan Frysk-nasionale hâlding, in sterke oertsjûging, in moedige died wurde dêr mar komselden foun; de iene Frisiast wurdt réaksjonair, de oare siket it yn de politike en syn maet yn de tsjerklike striid, in fjirden komt nea fierder as de ynset. Party skriuwers út dit tiidrek swije nei in jiermannich, - yn tsjinstelling mei de folksskriuwers, - gjinien fan harren liket it forgoed mei Fryslân weagje to doaren. Dy't it allinne mei it forline dwaen wol, fynt gjin bliuwende ynspiraesje; dêrta is ek in takomstfisioen nedich. Spuonnefjûrkes kinne tige bylkje, mar it is sa gau wer tsjuster; Fryslân hat der sa'n bytsje oan. Inkeld de djipforhoalen brân, dy't fûlder lôget hoe krapper de brânje is, kin it foar sinken ‘yn de tûmel der tiid’ hoedzje. Piter Jelles hat fan beide kânsen wol witten hawn. Yn it foaropwurd fan de bondel poëzij fan jonge Fryske skriuwers ‘It Jonge Fryslân’ (1881) - it wie in great barren, de forskining fan dit boek, suver de ynset fan in ‘tachtiger biweging’ - skriuwe hy en Onno Harmens Sytstra, dat de lêzers út dit wurk opmeitsje kinne, oft it jonge Fryslân stride kin foar it bihâld fan it Frysk: ‘Mar goed of net goed, dit boek kin de Friezen sjean litte, hwet hja fen de jonger ein to wachtsjen habbe.’ En wier, it liket der op, dat de Fryske literatuer in fornijing to wachtsjen stiet. Piter Jelles syn tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ jowt | |
[pagina 169]
| |
yn de jierren 1888 - '90 nêst ûnthjit ek forfolling, en de jonge Sytstra kriget nei Colmjon syn dea de kâns, it foarbyld fan syn heit yn de lieding fan de Selskipsskriften op syn wize to folgjen. Mar de earste lit him troch ‘de nije tiid’ twinge bilies to jaen op it Fryske front; de twade kriget mei it Selskip de krisis fan de njoggentiger jierren to forduorjen en moat in pear jier nei Waling-omme ‘feestrede’ út 1894 ek al mankelike en swiersettige lûden hearre litte. Wagenaar en Koldyk swije dan al en Schepers hat oanstriid it by it Hollânsk to sykjen. In koart tiidrek mei in knappe ynset en in min útein, mei yn alle gefallen ien greate figuer: Piter Jelles. As dy him ôfjowt ta de striid foar oare idealen, sakket dizze romantyske biweging wei yn lyts gepiel. | |
2. Orthodokse skriuwersDe opkommende frijsinnichheit en de âlde orthodoksy kamen yn de rin fan de 19de ieu hyltyd frjemder en fijanniger foar elkoar oer to stean. De earste brûkte foar har doel gauris it Frysk; de lêste wie der skoftich foar. It wie suver in died fan moed fan de sindeling J.N. Wiersma, neidat Hjerre van der Veen yn F.m.n. 1876 syn Multatuliforfrysking ‘It gebet fan de ûnwitende’ jown hie, dêr yn F.m.n. 1879 syn ‘It gebet fen de leauwende’ njonken to setten. De ‘finen’, bigryplikerwize min fan har tradysjes los to krijen, seagen it Frysk as wurktúch fan spotske koartswyl, toaniel en revolúsjonaire polityk. En yndied, de Fryske skriuwerij fan de 19de ieu wurke dy foarstelling net sunich yn 'e hân; mar in inkeling wist him fan de bistriding fan de ‘nachtskoalle’ frij to hâlden. It Frysk Reveil, de krêftige godstsjinstige biweging dy't hjir safolle wekker makke hat, wie yn it nasionale alhiel op Hollân oriëntearre; de ‘tale Kanaäns’ stie dêr foar it Frysk oer as ljocht foar tsjuster. Safollesto mear blykt de oanwinnende krêft fan it nasionale ûntweitsjen, as der om 1880 hinne inkelde jongelju nei foaren komme, dy't as foarrinders fan it Kristlik Frysk Selskip jilde kinne yn har bisykjen in forbining tusken de orthodoksy en it Frysk to lizzen. Naem it kristlikgodstsjinstige elemint by mannen as Johan Winkler, Gerben Postma, Wynsen Faber en Jan Ritskes Kloosterman in great plak yn, by dizzen oppenearret him it ‘rjochtse folksdiel’. Binne it op harsels net botte bilangrike figueren, har potinsje wie dochs net lyts en ek yn harren wurke grif hwat fan de Fryske romantyk troch. It kin ek gjin tafal wêze, dat krekt yn dizze tiid de Fryske Bibeloersetting mear omtinken krige as foarhinne; Rinze Zylstra, Colmjon, juffer Rutgers en Sake Feitsma wiene dêr foar yn 't spier. | |
[pagina 170]
| |
Lútzen Harmens Wagenaar (1855 It Fean-1910 Middelburg; dûmny) hat fan dizze jongelju wol it meast to bitsjutten. Dizze dûmny fan Wûns, Heech en Ljouwert, lettere skriuwer fan in great Hollânsk wurk oer Willem Loadewyk en ien fan de foarmannen fan de Doleânsje fan 1886, hat as tweintichjierrich jongfeint it lêsdrama ‘Tsjerk Ages’ skreaun, mei op oanstean fan syn freon Japik Hepkema, dêr't hy en Piter Jelles gauris oer de flier kamen. It is foar it earst forskynd yn F.m.n. 1878; de samler, Colmjon, hat grif gâns yn tekst, tael en stavering forbettere, mar stie tige op mear soksoarte wurk oan. It stik spilet yn it bigjin fan de 80-jierrige oarloch en it is like earnstich opfette as útwurke. Safolle goeds sit der yn dit bigjinwurk, - it is flot, fol aksje, dichterlik en folkseigen, mar bytiden frijhwat rhetoarysk, - dat it in griis is, dat Wagenaar net mear sokke stikken jown hat, hwat er al fan doel west hat. It histoarysk dichtstik ‘Igo Bycht’ stiet net op dit peil. Fan it oare wurk fan Wagenaar moatte jit inkelde goede fersen neamd wurde (Ier fortige, Yn de iere moarn), in stikmannich aerdige mearkes (‘Teltsjes fen Omke’), en, nei oanlieding fan de iepen brief ‘Fij, Lútsen!’ (1885) fan syn freon Piter Jelles Troelstra, syn antwurd: ‘Hark ris, Pieter! Ho't de Franske wîn ús Fryske foltsaert fordeart’ (1886), in foars en krêftich ‘wolmienend biskie’ ûnder de skûlnamme Lu-TSEN, dat tige ynsloech. In lêzing oer Gysbert Japiks wie syn lêst Frysk wurk. De ‘earnst fan it libben’ makke him losser fan Fryslân. Frysk-nasionael fielde er hoegenamt net en by de oprjochting fan it Kr. Frysk Selskip yn 1908 die er dan ek net mei. Hy hie gâns hwat foar de Fryske saek wêze kinnen, goed skriuwer, knap gelearde, gol, bernlik en tige sosiael fielend minske, en man fan humor en libbenskunst dy't er wie, mar syn radikalisme foun in oare, tsjerklike, útwei. As er him ris net safolle fan de revolúsjonaire ynslach yn de Fryske skriften fan syn dagen wjerhâlde litten hie...... As Rinze Zylstra (1856 Itens-1878 Itens) ris mear tiid fan libjen hawn hie, soed er dan net folle goeds jown hawwe? Hy koe goed leare, dat hy waerd skoalmaster; ryklik tritich jier, nei't Harmen ‘Zylstra’ as ûnderwizer yn Seisbierrum bigoun wie, komt Rinze Zylstra dêr yn de kristlike skoalle to stean. De earste wie hjir bigoun mei syn ‘Iduna’, de lêste bisocht it yn 1876 mei in Kristlik Frysk wykblêd ‘Foar de Friesen. Alle wiken hwet oars’, dat spitigernôch mar in healjier bistie; it blêd liet hwat in oare toan hearre as de bisteande Fryske tiidwurkjes en joech ek hwat omtinken oan it Noard-frysk. Zylstra wie ek de man dy't forskate fan de forneamde opwekkingslieten fan Sankey forfryske en dy't in forhael fan de Hollânske skriuwer-evangelist E. Gerdes fortaeld hat (‘Wîtske’, 1877). Datselde jiers forskynde der fan syn | |
[pagina 171]
| |
eigen hân ‘om de ljeafde ta Oranje hwet by mîn lansliuwe oan to fjûrkjen’ it histoarysk forhael ‘Willem en Kees.’ Mei de oersetting fan it Lukas-evangeelje is er net klear kommen; dy hat Colmjon letter forbettere en ôfmakke. Hy hat in ‘Leercursus der Friesche taal’ opsette wollen en dêrta joech er in boekje út mei Hollânske en Fryske tekst njonken inoar en mei oantekeningen oer stavering en útspraek (‘Een merkwaardige uitredding. In merkwirdige útrêddinge’, 1877). In bisykjen om yn Ljouwert mei syn geastessibbe Gerdes kristlik winterjounenocht to jaen, foun gjin wjerlûd. Efkes jitte leart er ta dûmny, dan stjert er oan de tarring. In jong libben, dat syn trouwe tsjinst likegoed oan it ierdske as oan it ivige heitelân dien hat, is opbrând. Jan Hindrik Jetse van Wageningen thoe Dekama (1860-1908) wie in Ljouwerter advokatesoan út in liberael formidden, dy't in greate foarleafde foar de Fryske skiednis hie. Hy wie ‘altyd mei syn tinken yn de âlde riddertiid, doe't syn foarfaers it âlde slot biwennen’, seit Piter Jelles, ûnder hwaens lieding hy yn de rjochten studearre en dy't him ta it Frysk brocht hat. Hy en syn freon Johan Winkler, dy't gâns ynfloed op him hawn hat, wiene dan ek meiwurkers oan ‘For Hûs en Hiem’. Yn de Doleânsjejierren komt er ûnder bislach fan dr. A. Kuyper en kiest dan de kant fan de rjochtsinnigen. Hy is net sterk, dat hy jowt mei gauwens de stúdzje der oan en libbet fierder as jonkerboer (de Rimen en Teltsjes neamde er ‘it boek der boeken fan ús Fryske tael’) op Dekama-state to Jelsum. Likegoed as er de lêste drager fan de âldfryske klean is, hat er ek in foarkar foar de Iduna-stavering. Syn skriftke ‘Frieslând înna wiel end ho der üt’ (1894) is in nommele romantisearring fan it forline. Hy pleitet foar taelsuvering en foar Frysk ûnderwiis op skoalle, libbet mei de Flamingen mei en is in tsjinstanner fan ‘Frânske wyn’. Syn sinspreuken ‘wier en trou’ en (op de poarte fan Dekama-state) ‘tankje God yn alles’ typearje him as in bernlik from idealist en romantikus. Hoewol fan Grinslanner komôf, hat Frederike Rutgers (1846 Kolham-1930 Hallum) op in bysûndere wize har jeften oan Fryslân skonken. Dizze dûmny'sdochter hat in apart, swier mar moedich droegen en ek tragysk libben hawn. Doe't hja yn Hallum yn 1870 mei in sneinskoalle bigoun, brûkte hja al gau it Frysk foar it godstsjinst-ûnderwiis; om't der net gaedlik materiael wie, makke hja it sels (Rymkes, 1878; Memmeboekje foear lîtse bên, 1879). Doe't har Frysk wurk yn 1924 jitris printe waerd, hat Gerben Postma der frijhwat oan foroare, mar net altyd forbettere. It is meast ienfâldige, oprjochte religieuze poëzij, mei faek in mystike toan. Sa past de namme fan ‘Frederike fan Hallum’ net iens sa min by dy fan abt Frederik, stifter fan it kleaster Mariëngaard. | |
[pagina 172]
| |
3. Piter Jelles TroelstraDe Troelstra's: in âld boerelaech, ôfkomstich fan Ter Oele, dat yn de Frânske tiid yn it neigean rekket. De oerpake fan de dichter is fearskipper, de pake hellingfeint op de Lemmer en neffens de dûmny ‘een steunpilaar der kerk’; beppe is ek ‘in bêst bikeard minske’. Har soan Jelle (1833-1906) is in earnstich, stroef forstânsminske en wakker earsuchtich; al jong pielt er mei skriuwerij, earst Hollânsk en letter Frysk. Om 1850 hinne wurdt er fan grifformeard frijtinker en as sadanich ek in foarfjochter fan it liberalisme en letter frijmitsler; yn Colmjon syn tiid is er foaroanman yn it Selskip, in achtenearre boarger fan Ljouwert, dêr't er yn 1859 troud is mei in frou, dy't ek al de oergong nei de frijsinnichheit makke hat. As de âldste fan sawn bern komt Piter Jelles de 20ste fan aprilmoanne 1860 to wrâld. Syn heit is dan amtner by de bilestingen yn Ljouwert, mar yn 1869 forfarre hja nei Stiens, it doarp mei de âlde toer, de terpen en de mânske pleatsen. In pear jier letter rekket de mem oan de tarring wei; Piter komt efkes by heit op it kantoar, mar slagget yn 1875, as hja wer Ljouwerters wurde, nei de H.B.S. De forhalding mei syn heit, dy't al gau wer trout, is net altyd like bêst, de sfear yn 'e hûs ornaris frij kâld en stiif, dat der komme op 'en dûr pynlike konflikten en Piter moat syn paed sels mar sykje. Yn dizze jierren - der giet dan hiel hwat om yn de wrâld - bigjint syn wrâldskôging har stadichoan to foarmjen. Hwat Piter Jelles dwaende hâldt, is alfolle in gearmjuksel fan nij natuerwittenskiplik tinken (fral Büchner syn ‘Kraft und Stoff’ hat gâns ynfloed) en fan in literair, hwat klassisistysk romantisme, dat binammen troch it lêzen fan Multatuli, Hamerling, Vosmaer en De Génestet (yn 't bysûnder dy syn fers ‘De Volksdichter’) forsterke wurdt. In wiisgear of in religieus tinker is er lykwols nea wurden. De jierren 1880-'82 leverje gâns aksje op. Piter Jelles moat foar it steatseksamen studearje, mar rekket ûndertusken yn 'e kunde mei O. Stellingwerf, Onno Sytstra en Tsjalling E. Halbertsma, en mei dêrtroch wurdt er foar it Frysk woun; mei de Hollânske skriuwerij hâldt er dan op. It komt ta útjefte fan ‘It Jonge Fryslân’ en ta de oprjochting fan de Fryske Keamer ‘Gysbert Japix’ yn Ljouwert, dy't de réalistyske útbylding tsjinoer dy neffens de romantyk fan it Ljouwerter Toanielselskip stelle woe. Fan dy Keamer, dy't eins in soarte literaire klub waerd, wie Piter Jelles it hert. Yn dizze tiid forkeart er ek folle mear as plichte ûnder it folk, bygelyks yn de Grouster kontrijen, en net allinne mei de fammen. Boekjes as ‘Fryske Brilloftswille’ en ‘Wiersizzerij fen âlde Foekje fan Heech’ hied er oars grif net skriuwe kin- | |
[pagina 173]
| |
PITER JELLES TROELSTRA (jeugdfoto)
| |
[pagina 174]
| |
nen. Mar troch syn meiwurking oan it ‘Friesch Volksblad’ kriget er ek forbân mei de sosiale folksbiweging en ûntkomt er net oan de ûnrêst dy't fan de driigjende lânboukrisis oproppen wurdt. Ein 1882 bigjint er to Grins syn stúdzje yn de rjochten. Hy docht forgoed mei en jowt bliken de ‘wylde hierren’ jit net forlern to hawwen. (Oardiel fan in stúdzjemaet oer dizze tiid: ‘Pieter, die was zo brutaal als een koetspaard’.) Yn de simmerfakânsjes hâldt er soms ‘simmerjounenocht’ yn de doarpsherbergen en dan komt er wol yn froulju's-klean as ‘Foekje fan Heech’ op 'e planken. De tarissing fan it Nij Frysk Lieteboek en de striidskriuwerij mei Lútsen hâlde de stúdzje op, mar yn 1888 komt er dochs klear. Hy trout mei Nynke fan Hichtum, set him yn Huzum nei wenjen en bisiket as advokaet, skriuwer en jong politikus oan de kost to kommen. De wurkstakingen en de striid fan de fakbounen binne dan oan 'e oarder fan de dei; al gau wurdt er bihelle yn inkelde rjochtskwestjes dy't hjir mei forbân hâlde, en de striid foar algemien stimrjocht sit er ek mei yn foarenoan. It libben is gjin boartsjen mear; it wurdt nou tinken. Hy is mei de útjefte fan it tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ yn foarjier 1888 bigoun, yn in tiid fan greate persoanlike foroaringen en geastlike spanningen. Hy moat kieze, hy moat troch syn eigen krisis hinne; de frage nei God is net to ûntwiken, de striid foar sosiale rjochtfeardigens easket syn hiele krêft op. As syn nije ynstelling ek yn syn tydskrift ta utering komt (‘In nije tiid’), bitankje party liberale lêzers; ein 1890 leit Piter Jelles de redaksje fan ‘For Hûs en Hiem’ del en jowt er him yn de polityk; fan Frysk skriuwer wurdt er Nederlânsk steatsman. Yn 1909 keart er foar in skoft ta syn Frysk dichterskip werom; nei oanlieding fan ‘it bliid barren’ yn it keninklik hûs wurdt er fan dr. J.B. Schepers, as dy him to hâlden jowt, dat er ‘âld en kâld’ wurden wie, ‘forklomme yn ier en sinen’, út 'e tint lokke. As Schepers him taropt: ‘Jow oan dyn lân, dyn moaije tael, de dichter, Jow oan dysels it mimerlok werom’, dan dichtet Piter Jelles wer, mar net foar in lang skoft; hy lit him ek wer roppe ‘út dizze bliere krite, dêr hinne, hwer de wyn fan 't libben waeit.’ It jiers dêrop jowt er syn fersebondel ‘Rispinge’ út en bisint er him op eigen sang en striid yn syn lêzing ‘Fen liet en libben’. Dan is de Fryske dichter wer foar jierren stil, oant er yn 1925 dat iene, tragyske fers ‘Lêste Blink’ jowt. Hy lûkt him út de polityk werom, - thúskommen nei syn lêste Keamerrede seit er, noflik en rêstich: ‘Sjesa, nou het Piterke útpoept!’ - wurket oan syn fjouwer dielen ‘Gedenkschriften’, is de lêste jierren heal forlamme en stjert op 12 maeije 1930; yn Den Haech, fier fan de âlde Fryske groun wurdt er bigroeven; tsientûzenen folgje de bier. | |
[pagina 175]
| |
Dit libben, winliken mar foar sa'n lyts part oan de Fryske skriftekennisse wijd, is dêrfoar dochs fan tige greate bitsjutting. Piter Jelles heart by de earsten ûnder de Fryske skriuwers. Syn kommen ta it Frysk is oprjocht en spontaen; jierren oanien leit hy der him mei in hertstochtlike leafde op ut.Ga naar voetnoot1) Syn heit en syn omke Marten skreauwen en publisearren beide yn it Frysk, mar as de tael fan it húsgesin waerd it letter dochs net mear brûkt; fangefolgen moast Piter Jelles folle oanleare. As jonge fan sawntsjin jier makke er it earste Fryske fers, as feint fan 21 wie hy mei Onno H. Sytstra de gearstaller fan ‘It Jonge Fryslân’. In bilangryk boek, ek al steane der yn sa'n diel fan treddelhûndert siden fansels wol ûnbilangrike bydragen. It woe neffens Sytstra wize ‘op de geskiktens fen de tael for de utering fen eigen persoanlike fieling en de biteikenis fen rythme en klank for de poëzij. Men bisocht it selsfielde to fortolkjen, sa't ek Harmen Sytstra det yn syn poëzij dien hie.’ It boek is dus in dúdlike réaksje op de al to flitich bioefene folksskriuwerij, it skout de persoanlikheit fan de skriuwer mear nei foaren, sûnder yn it oare uterste, dat fan de persoanlikheitskultus, to forfallen. De forbining mei it folk moat biwarre bliuwe, it folk moat dizze jonge dichters forstean en wurdearje kinne. Dat Piter Jelles ek foar himsels net hwat oars bigearde, biwiist al it wurk fan de bigjinjierren: Fryske Brilloftswille, Wiersizzerij fen Alde Foekje fen Heech, en it toanielstikje ‘Oan 'e sédyk’, alle trije skriften fan foar syn studintetiid. Dêr middenyn falle dan it ‘Nij Frysk Lieteboek’ en de polemyk mei ds. L.H. Wagenaar, dy't Piter Jelles ynset én ôfslút mei syn ‘Fij, Lútsen!’ en ‘Nei de Stoarm’ (1885-'86). Yn it lêst fan de Grinzer jierren hâldt er dan frijhwat sprekkerijen en kritelêzingen en de ein fan syn stúdzje giet lykop mei it bigjin fan syn tydskrift. De Selskipswurkjes bifredigen him lang net, hy miste der de libbene geast fan it Fryske folk yn en dêrom bisocht er it sels better to dwaen. It útjaen fan ‘For Hûs en Hiem’ hat forwidering mei O.H. Sytstra toweibrocht, mar Piter Jelles seach nou ienkear fierder as folle oaren, woe hurder en doarst mear oan. Dat hy yn dy jierren sûnder mis hwat fan in Streber hie en tige earsuchtich wie, sil de reden west hawwe dat Stellingwerf en syn frou ek mei him brutsen hawwe. De earste trije jiergongen bilibbe it tydskrift in skoandere bloei, mar doe't yn 1890 de stikken In nije tiid, Silvester, en In bisiik fen âlde Foek fen Heech forskynden, die it dúdlik bliken dat Piter Jelles de | |
[pagina 176]
| |
saek fan de doedestiids nije arbeidersbiweging ta sines bigoun to meitsjen. Eang fan polityk, bitanken forskate lêzers en it blêd krige de knoei wei. Dat, en it feit dat er him tagelyk ‘sels al mear en mear út syn tinzen oer Fryske tastannen, tael en sahwet hinne weihelle en troch de nije biweging, dy't folop syn ljeafde krige, meinommen waerd’, makken, dat er de lieding fan it tydskrift oan Tsjalling E. Halbertsma oerdroech. Sûnt hat er him mar to hea en to gers oer de dingen fan Fryslân útlitten, al folge er dy wol mei leafde en oandacht. Hast altyd bleau er ôfsidich stean en fuortoan wie Fryslân hwat foar syn fakânsjes (Drachten, it wenplak fan syn twade frou, - yn 1907 wie er fan Nynke fan Hichtum skaet, yn 1908 troude er wer, - Stiens, it wetterlân) en syn ‘fredige en stille ûren’. ‘Myn dicht en myn died steane net tsjin elkoar oer, mar binne bloeisel en frucht fen deselde beam, hwaens woartels lizze yn ús Fryske groun’, sa hat Piter Jelles sels de forhâlding fan dichtkunst en polityk yn syn eigen wêzen oanjown. Dy woartels lizze djip: net yn syn yntellektuéle foarming, net yn de boargerlik-foarútstribjende ynslach en it mei har liberalisme forboune Frysk fielen fan syn heit en omke, net yn de niget dy't de stêdman oan de plattelânsidylle hie, mar yn it boerelaech fan Ter Oele en dêrmei yn it folk. Doe't hy syn fersen forgelike mei ‘de lytsere wetterstrielen, dy't nou en den efkes opspringe út 'e groun, om mei hjar hjitte walmen to tsjûgjen fen it waerme libben, det dêr ûnder barnt en wirket’, wiisde er dêrtroch op it sterk-ynstinktive en emosionele karakter fan syn poëzij: hja komt sa't it libben it opjowt, ûnbiriddenearre en heimsinnich, mar ûnkearber as in natuerkrêft Yn inkelde wurden en ienfâldige byldspraek hied er in wêzensbipaling fan romantysk dichterskip jown. Romantyk is ek altyd spjalt. Salang de fantasij de wierheit kleuret, floeit de dichting as in reine wjittering, mar sadré brekt de deistige werklikheit net steurend en skreauwend yn yn it rêstich dreameryk, of de dichter wurdt opskrille en foar de kar steld. Doe't Piter Jelles kaem ta it njonken inoar setten fan it jonkheitswurk en de fersen fan 1909 yn syn bondel ‘Rispinge’, hat er dat klear fornommen. Hoe't dat wurk yn syn jonge jierren ûntstien wie, hat er sels ek biskreaun: ‘Sa wier for de jonge geast, dy't om him hinne it âlde fallen seach, - stinzen tsjin 'e groun smiten en bosken útrode, de moaije steatlike beammen oan jild makke, - it âlde grize forline in skûlplak, dêr't er allinnich sitten gean koe yn in skimerich smout herntsje to drôgjen en to dichtsjen, hwerby de fantasije allyk in griene klimmerbeam him oer de hirde wrede stiennen fen it gebou fen 'e âlde tiid hinne woun en alles oerteach mei bloeisel en blêd fen 'e poëzye.’ Mar fordraecht de 20ste ieu sa'n flecht noch wol? Faeks hat er der sels mei ôfrekkene | |
[pagina 177]
| |
yn de wurden oer syn nij wurk, ‘hweryn de ûnripens yn tinken, fielen en kennen fen myn jongere jierren plak makke hie for it djippere fielen, de ripere tinzen en it better kennen fan nou.’ Utfloeisel fan dat romantyske dichterskip fan Piter Jelles is ek syn heitelânsleafde, dy't yn striid liket mei it reedlike, nei it kosmopolityske oerhingjende tinken fan syn tiid, mar dy't foar him in bisterking fynt yn natuer, skiednis, folk, leafde, frijdomssin en demokratysk folksaerd, bigripen dy't allegearre yn de tael ta wêzen komme. Oft dy leafde ta de bertegroun lykwols net tofolle fan wikseljende stimmingen, dizige fielingen en de wijing fan stille en fredige ûren ôfhinget, om wissichheit fan úthâlden en fêstichheit fan leauwen to jaen? Piter Jelles hie as Frysk strider de gloede en krêft, de frissens en nijens fan de jonkheit, mar doe't de tiid foar de ienfâldige, maetskiplike died kaem, moast er as dichter swije en foun er net de ynliker en faeks pynliker toanen. As romantikus hat er syn striid foar Fryslân hielendal útstriden; doe't de langsten fan syn hert ienkear yn wurden stâlle wiene, moast er de krite, it wurkfjild fan syn great talint, wider útlizze; sá wiid wol, dat de kearn, Fryslân, jierren lang hast net mear to bieagjen wie. Fan pathos allinne kin gjin wierhaftich minske op 'en dûr bistean, dat wist Piter Jelles, en de tiid makke it him maklik, ja twong him suver de ropping foar it eigen folk oer fuortoan to sjen yn de ropping foar it meast bidrige diel fan alle folken oer. De forealens wie net yn ûnforwrigbere leafde oergien. Op hegere jierren jitte koe hy him net oars as frij pessimistysk uterje, as it oer de útkomsten fan de Fryske striid gyng. It jongfeinte-idealisme fortoarre, doe't er as man yn it libben kaem to stean. Grif hat de Nederlânske steatsman oan syn Frysk dichterskip folle to tankjen hawn; it bilang fan de libbensrounte fan it Frysk heitelân hat him wer ris opofferje moatten oan dat fan Nederlân of fan de wrâld; it âlde doarp is goed foar de koarte lins, de rêst fan in stille rite, mar it libben lûkt nei de greate rounte en de fiere kym... ‘Leaf heitelân, farwol!’ Hat men oanstriid it kritysk oardiel by de skôging fan Piter Jelles as strider oanwage to litten, de sjonger hat inkeld rjocht op tankberens. Hjir is dan wer in Frysk dichter, dy't syn siel folslein útsjonge doar yn mylde oprjochtens en sterke objektivearring, dy't de ivich âld-en-nije ûnderwerpen grypt en sa libben en oarspronklik forarbeidet, ‘dat út de stoffe, dy 't hert him jowt, hy ús in bliuwend dicht-byldwurk bout’. Sa folslein binne dichtkunst en libben gearraend, sa nei stiet er faken oan de wiere folksdichter, dat wy by it lêzen fan syn wurk gauris oan de jonge Gysbert Japiks tinke moatte, al mist er dy syn flûnkering, sier en geastlike eftergroun. Wis, der sit gâns rhetoryk yn dizze poëzij, | |
[pagina 178]
| |
mar dy tsjinnet hjir net ta it formomjen en opgnissen fan lege tinzen of ta bimanteling fan ynderlike earmoede, mar inkeld ta waermer, forheftiger en krêftiger utering. Dêr't by Piter Jelles pathos en sentimentélens foarkomme, wurde dy sa-to-sizzen fan natuer en minsklikheit easke. Great wûnder: dizze dichter dy't safolle ‘praet’, lit yn al syn wurk sjongende ‘de bredens, de ynlikens en swietlûdigens fan ús sprake’ útkomme. Fan hokfoar Frysk dichter út earder tiden wurde safolle sangen hjoeddedei jitte mei sa'n ynmoed en waerm oaneigenjen songen? Lyk as de ‘Fryske Rymlerij’ like klear oer de ieuwen strielet, ek al siket men der tûzen tydlikheden út, sa sil ek de ‘Rispinge’ as in kostber juwiel tusken de Fryske skriften blinken bliuwe. De rykdom fan beide bondels leit ek net it minst yn al de nije kanten, dy't jin by herhelle, tawijd lêzen takeard wurde. De earste twa printingen fan ‘Rispinge’ binne troch Piter Jelles sels klear makke (1909 en 1920), de trêdde is bisoarge fan J.P. Wiersma, hat hwat in oare yndieling en folchoarder en bifettet ek in ‘nei-rispinge’; dy kin dus wol as in folsleine samling biskôge wurde (1945). Op de krêftige ‘sangen fan it heitelân’ folgje de ‘printsjes út it Fryske folkslibben’, dy't biwize, dat ek persoanlike kunst wol yn bysûnder folksaerdige foarm ûntstean kin en dat de dichter ek yn de ‘Kleinmalerei’ (‘Slieprige frijerij’ byg.) in master is. De ‘sangen fan de sé’, (dêr't ‘Minja, in sémearke’ de greatste fan is; it stik lit dúdlik de ynfloed fan Andersen sjen; Schepers seit, dat de moderne tragyk fan Perk syn Iris der oer leit), en ‘jongfeinte lok en lijen’ slute har dêr wol it tichtst by oan, al komt men yn de lêste ôfdieling ek gâns persoanlike leafdelyryk tsjin. De ‘libbensfragen’ jowe de dichter as de sjonger fan it ideael en as in twiveljend en sykjend minske (‘De striid om it heechste’ byg.), yn de ‘striidsangen’ nimt er satirysk-humoristysk inkelde tiidskwestjes ûnder it mês (binammen de Doleânsje) en lit tusken de rigels troch sjen hwer't er sels stiet. ‘Teaco en Gerbrich’, mei fan syn earst wurk, is jit in typysk 19de ieusk fuortbringsel fan nasionale romantyk; yn it ‘griemmank’ slacht er in great forskaet fan toanen oan en jowt er gelegenheitsdicht; yn ‘it koalsiedterskjen’ bisiket er ta it wêzen fan it libben yn to kearen en docht dat net troch hege filosofy, mar troch oertsjûgjende ienfâld: yn en om de biskriuwing fan dit âlde en him fan Stiens sa bikende folksgebrûk lit er in bysûnder ljocht spegelje. Lyk as ‘it koalsiedterskjen’ is ek de rige ‘it âlde doarp’ (op ien fers nei) yn 1909 skreaun; hja mei in oandwaenlik forslach fan thúskommen en ôfreizgjen hjitte. Oer Piter Jelles en de muzyk kin hjir net útweide wurde. Hy hie nea gjin muzykles hawn, mar wie tige muzikael; de opera en de romantyske muzyk fan de 19de ieu (û.o. Wagner) hied er in foarleafde foar. Hy, | |
[pagina 179]
| |
‘Lêste Blink’ fan Piter Jelles Troelstra.
Hânskrift fan de dichter. | |
[pagina 180]
| |
de man fan it Nij Frysk Lieteboek, komponearre forskate wizen by eigen fersen of by dy fan oaren, sûnder dat er se sels yn noaten opskriuwe koe. Graech mocht er Fryske en oare folkslieten sjonge of dy yn eigen trant op de piano bigeliede. It proaza fan Piter Jelles is jit nea skifte en sammele spitigernôch. It is grif yn folle oan de tiid boun, mar it measte bliuwt tige it lêzen wurdich, skerp, libben en geastich as it is. Piter Jelles doarst skriuwe, en dêrtroch hat er ek mei syn ûnrym in fornijing oankundige. Neamd wurde kinne de stikken: De hege brêge (F.m.n., 1886); Sinnestrielen, Wylde Hierren (F.H. en H., 1888); de brosjueres en de lêzing ‘Fan liet en libben’ (1910). Hwat wy mear krigen hiene, as Piter Jelles syn libben lang Frysk skriuwer bleaun wie? Wy hawwe net it rjocht mear to freegjen oan ien dy't al sáfolle jown hat: it diel fan syn libjen en stribjen, dat ta Fryslâns greatste rykdom heart. | |
4. Inkelde oarenIen fan de earnstichste, mar net modernste meiwurkers oan ‘It Jonge Fryslân’ en letter ek oan ‘For Hûs en Hiem’, is wol de Grouster slachterssoan en timmerfeint Sikke Sibes Koldyk (1861-1927; skûlnamme Eska), dy't him net allinne ta in kundich boumaster, mar ek ta in deeglik dichter oparbeide. Hy hat syn fersen sammele yn de frij tsjokke bondel ‘For 't Fryske Hert’ (1893) en doe it swijen der ta dien. Men kin dat bigripe en it moat jin moeije tagelyk: dit wurk wie doe al út 'e tiid, mar it hat dochs ek syn eigens en moais, en it kipte der yn de Fryske skriuwerij wol hwat út. Romantyk fan in suver, âlderwetsk soarte is it; men fornimt der wol hwat bisibbens oan Piter Jelles syn wurk yn, mar dúdliker binne de lûden to hearren, dy't ynfloed fan Schiller en Victor Hugo forriede. Dochs hat Koldyk ek in eigen stim, dy't yn forskaet fan toanen klinkt. Learend, skôgjend, formoanjend yn ‘De Wet fen Sinaï’, in great stik dat hwat fan Da Costa syn wurk wei hat, mar dy syn pathos en profétyske alluere dochs net heal birikt. Suver-idyllysk yn ‘Us Pake' boekje’, dat jin yn syn ienfâld oprjocht oankomt. Krêftich-forheljend yn bihearske tael en foarm yn ‘De boumaster fen de Aldehou’, in stik fan in fyftich siden, dêr't de foarleafde fan de skriuwer foar de bou-histoarje fan de Fryske bouwurken út sprekt en dat jin wol oan de ein ta fêsthâlde kin, as men alteast hwat nijerwetske kunsttheory fan jin ôfsette doar. Weardich, dreech, mar hwat forâldere wurk it ien mei-oar; fersfoarmen yn great forskaet, | |
[pagina 181]
| |
suvere tael, soune skôging, (foar dit romantysk slach wurk wolris to nochteren hast), rykdom fan histoaryske stoffe en in nei-stean oan de bibelske tinkwrâld, dat allegearre jowt rjocht dit boek dochs wol as in forskining oan to tsjutten. It soe in griis wêze, as ek de sammelbondel ‘Ut it âlde laech’ (1912) net mear lêzen en wurdearre waerd; Piter Jelles wit yn it foaropwurd by dit wurk fan syn ‘drege stipe en trouwe meiwurker’ der folle goeds fan to sizzen en neamt him ‘foar alles de forteller-oan-'e-hurd’. Dat wie Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912) ek, de safolleste Grouster skriuwer, de pakesizzer fan Tsjalling Hiddes (de trêdde fan de ‘bruorren’), de skoalmaster fan Ternaerd. It Halbertsma-aerd is klear yn him to fornimmen: neffens syn ynlieder alwer wied er ‘in smoute prater, mei in frisk fyn glimke om 'e mûle en dy't út en troch de ûndogenens de eagen útblonk’. Bijeftige mei in golle, folksaerdige humor en goed kenner fan tael, folkslibben en skiednis as er wie, hat er it Fryslân fan de 19de ieu foar net sa'n lyts diel op soune, ienfâldige, faek meinimmende wize fêstlein. It earste diel fan de bondel fan foech 500 siden bifettet in stikmannich tige lêsbere, hast allegearre oar- spronklike, histoaryske folksforhalen, mei fan de bêste dy't der yn de 19de ieu skreaun binne. It twade diel is in hwat ûnkrityske samling fan ‘rym en ûnrym’; ien fan de bêste staeltsjes fan syn fersewurk is ‘Oan 't Fryske Wâd’. It bistean fan de minsken oan de séigge en yn de Dongeradielen wurdt yn dit hiele wurk dôch mei leafde skildere. Mar Halbertsma jowt him net ôf, weaget gjin aventûr, bliuwt ticht by de groun; hy is wol echt, mar net great, en hat sadwaende ek as de lettere lieder fan For Hûs en Hiem (1891-'95) net de foargong op nije wegen nimme kinnen. As komponist fan Fryske lieten, as skriuwer fan skoallesankjes en fan inkelde aerdige toanielstikken, hat er lykwols gjin lytse fortsjinsten. Wurk yn deselde trant as dat fan Tsjalling Eeltsjes hat ek Sjirk Linses van der Burg (1863-1932) skreaun, mar lang sa oarspronklik net; de tael is krêftich en geef, de kunde oan it folkslibben net lyts, mar de ynhâld slop, (Twa Fryske Sêgen, 1915; Fen Lang Forlyn, kritejoune-foarlêzingen, 1917). Bûten hwat histoaryske bydragen en in kluchtspul, hat er (ûnder de letters S.L.) ek gauris ferskes skreaun, net folle mear as rymlerij. Fan datoangeande hellet er net by syn broer Jan Linses van der Burg (1864 Drachtster Pein-1905 Jelsum; boer), dy't yn de jierren 1896-1903 net folle, mar wol suver en ienfâldich fersewurk jown hat. Syn fers ‘It Heitelân’ is eins it Frysk folksliet by ûtstek, waerm fan gefoel en natuerlik fan bigjin ta ein as it is, sûnder franje of poeha. Ek hy bihearsket de tael tige. As net ien fan de minste meiwurkers oan ‘For Hûs en Hiem’ for- | |
[pagina 182]
| |
tsjinnet Cornelis Wielsma (1845 De Jouwer-1922 Grou) hjir plak, hoewol er soms wol sa goed by de folksskriuwerij thús heart; hy hat op it stik fan koartswilich-satiryske foardrachten hiel hwat en yn it soarte goed spul jown. Mar mear as folksskriuwer is er dochs ek yn syn pittige koartdichten, syn moaije berneferskes - der binne nei him hast gjin bettere skreaun- en syn humoristysk proaza (Ut Marswier; Om yen hinne, L.C. 1906-'14), dat in persoanlike kleur hat. Hy stiet tusken Waling Dykstra en de modernen yn; op Dykstra liket er troch syn brûken fan suver folksfrysk. De earste frou fan Piter Jelles hie as skûlnamme Nynke fan Hichtum (Sjoukje Bokma de Boer, 1860 Nes (W.)-1939 Hilversum), wie yn 1887 mei har ‘Teltsjes yn Skimerjoun’ as Frysk skriuwster nei foaren kommen en wurke de earste jierren ek oan ‘For Hûs en Hiem’ mei. Selden hat der yn Nederlân in sa great talint as berneskriuwster west en it moat elke Fries wol yn 'e wei wêze, dat dizze frou mei om de breakwestje twongen wie op it Hollânsk oer to gean. Hie it wrâldforneamde ‘Afke's Tiental’ (1903) dan net earst yn it Frysk skreaun en útjown wurde moatten? Yn it Frysk forskynden letter noch ‘Der wie ris in âld wyfke...’ en ‘De jonge priiskeatser’. Oer Fryslân, it lân fan har leafde, gyngen de boeken ‘foar bern fan 8 oan 80’: Friesche Schetsen (1905); Jelle van Sipke-Froukjes (1932); Schimmels voor de koets (1936); Drie van de oude plaats (1939). Meije de lêste boeken al hwat út de wémoed fan de distânsje skreaun wêze, yn ‘Afke's Tiental’ hat dizze skriuwster it bêste fan har wezen en har leafde dellein. | |
Neisjen:By 2. Oer L.H. Wagenaar: Ynlieding fan ds. S. Huismans by W. syn samle Frysk wurk, ‘Moai sein, Lútzen!’ (1917). Wumkes, Bodders, s. 651- 667. Paden IV, s. 660-684. It Beaken 1955, s. 1. - Oer R. Zylstra: Bodders, s. 645-650. - Oer J. van Wageningen: Vrije Fries, XXI, s. 437. - Oer Frederike Rutgers: It Fryske Wirk fen J.F.R., útjown fan P. de Clercq (1924). J.P. Wiersma, Sljucht en Rjucht, 1939, s. 846-853. Deselde: Frysk Jierboek 1941, s. 103-116. By 3. Oer P.J. Troelstra: Troelstra, Gedenkschriften I, Wording; Fen Liet en Libben, 1910; Fraechpetear mei P.J.T., fan Sjouke de Zee, 1920; dr. J.B. Schepers, Troelstra als Fries dichter (met vertalingen in het Nederlands), 1925; Jelle Troelstra, Myn vader Pieter Jelles, 1952. By 4. Oer S.S. Koldyk: Yn ús eigen tael, 1924, s. 139. - Oer T.E. Halbertsma: Wird foarôf, yn ‘Ut it âlde laech’ (1912). - Oer J.L.v.d. Burg: Sjouke de Zee yn Fryslân, 1919. - Oer C. Wielsma: R.W. Canne, yn It Heitelân, 1926. - Oer Nynke fan Hichtum: Jelle Troelstra, Mijn vader Pieter Jelles, 1952. |
|