Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 135]
| |
1. De tiid (twade helte 19de ieu)As Colmjon by it 25-jierrich bistean fan it Frysk Selskip yn 1869 de leden tasprekt, seit er, dat hja har lokkich achtsje meije, dat it harren jown is nou to libjen. ‘De leadswiere tsjusternisse, dy ieuwen oan ieuwen hiel Europa oerdiek, hat foar in helder ljocht romte makke; de wittenskip, dy lange tiid foar inkelden mar in slûch barnende lampe wie, sjit har strielen ta yn de earmtlikste klinte, en jimmer is it jit de rop fan de tiidgeast: foarút! foarút! De tiden doe't de iene minske de oare syn slaef wie, nei lichem en siele fan him ôfhinkelik; doe't in heech komôf en rykdom en greatens allinne mar fortsjinste achte waerd, se binne sa goed as forgetten, en mear en mear wurdt it wierheit: Alle minsken binne bruorren en de hiele wrâld har thús; hwant ek de foaroardielen forstouwe, dy folken en folken fan mankoar skaetten: de steam is de boade der Godheit, dy de tiding fan de algemiene forbruorring oer de hiele wrâld, ta yn 'e fierst ôflizzende kriten, kund docht.’ It liket dus mar skoan, mar mei sa'n byld foar eagen freget er himsels dochs ôf, oft it Selskips-stribjen yn sa'n tiid net in dwaesheit is. Ek fan oaren as Colmjon heart men it hyltyd wer: ‘It ûnderwiis, de foarútgong en biskavinge, it mear omgean mei oar folk, sil hwat ús folk der nou útskaeit, foroarje, it sil der de skerpe kanten ôffylje.’ Allinne de folksdeugden en de tael bliuwe dan oer, mar ek dy sille de striid wol net folhâlde kinne; net allinne de Halbertsma's, né, alle Friezen binne ‘twigen út in âlde stamme’, dy't faeks gjin lang libben mear hawwe. Ut Colmjon syn wurden kin men gâns fan it tiidsbyld opmeitsje. Wy hawwe it nou sa hearlike fier brocht, wy trochsjogge de wetten fan it hielal, wy bitrouwe op de reedlikens en op de harmonyske krêften fan de minsklike weardichheit, dat is de grountoan fan it 19de ieuske ûnbikommere optimisme, dat der wis fan is, dat it de geastlike fortsjustering, it slaefske leauwen en de ûnseedlike tirannije efter de rêch hat. It rasionalisme fan de Frânske revolúsjetiid wurket jit sterk troch, it greatske yndividualisme bisiket moedich mei alle forline to brekken, de sosiale wrok twingt ta de opstannige died, - mar hoe komt it mei dit lytse, âlde folk? De nije tiid wol fan gjin grinzen, ôfskiedingen en apartheden witte, mar hâlde de Fryske mannen dy nou net mei sin yn stân? De natuerwetten binne ûnforbiddelik (‘al hwat ienkear wêzen krige, moat ek wer forsinke yn 't neat’), mar is dat gepiel om it Frysk | |
[pagina 136]
| |
to biwarjen dan net om 'e nocht? Fryslân rekket foargoed yn de krisis. It docht jin gjin nij, dat hjir yn dizze ieu in mannichte fan stinzen, tsjerken en poarten ôfbrutsen, fan terpen en bolwurken ôfgroeven, fan histoaryske skatten en nasionale folklore weiwurden is. Yn sa'n tiid leit it yn 'e reden, dat der in Fryske biweging is en dat dy har hyltyd fierder organisearret. Hoewol, ek dêr, krekt dêrre fret de ynderlike twivel: Wolle wy faeks itselde mei de tael en folkssede, hwat it Frysk Genoatskip nei 1877 mei de aldheden docht, nl. opbergje en konservearje yn in museum? Der sit in pynlike tobrutsenheit yn dit allegearre. ‘It âlde wurdt wei, de tiden foroarje en nij libben stiet út de púnheappen op’, seit de dichter, mar hoe sil dat nije libben foarm en stâl krije? Drok wurdt dêr om socht; binammen de lêste helte fan de 19de ieu giet dat sykjen syn fûle en gystene gong. It is de tiid fan de emansipaesje: greate dielen fan it Fryske folk meitsje in proses fan biwustwurding troch, jowe har ta aks je foar de iepenbiere saek, hawwe der genôch fan net teld en rekkene to wurden en sûnder stim of ynfloed to wêzen. It is de tiid fan in biweechlike politike striid. In liberalisme, dat jit wol de macht hat, mar gau en slim de knoei wei kriget fan it opkommende sosialisme; in hyltyd fûleindiger krewearjen foar algemien kies- en stimrjocht; ôfnimmende macht fan adel, patrisiaet en greate boargerij, tagelyk mei it opkommen fan de arbeidersstân; de emigraesje as folksbiweging; de wurkstakingen yn Beets en it Bilt en de forneamde prosessen (de Hoogerhuis-saek); de biweging foar lânnasionalisaesje en de frage, oft de froulju ek hwat to sizzen hawwe moatte; it ûntstean fan politike partijen, fan dei- en streekblêdden, fan forieningen foar de forsprieding fan folkslektuer; dat allegearre docht him yn de libbenstiid fan ien of twa generaesjes foar. De foroaringen oanbilangje ek likefolle de stoflike as de geastlike kultuer. It forkear nimt ôfgryslik ta, marren en stikken sé wurde ynpoldere, de lânbou wurdt wittenskiplik bifoardere, it lytse fabryk wurdt fan it greate forfongen. Mar dêr is ek de skoallewet fan 1857, dy't makket dat it ûnderwiis forbettere en útwreide wurdt; de tsjerklike striid fan réveil, wrakseling tusken orthodoksy en modernisme, doleânsje; in nij elemint lyk as de roomske emansipaesje, it Heilsleger, it sektarisme; it warber offerjen foar sinding en stiftingen fan barmhertichheit; de propaganda foar drankbistriding, fegetarisme, lykforbrânning en wrâldtael; dêr binne figueren lyk as Multatuli en Domela Nieuwenhuis, biwegingen lyk as De Dageraad, okkultisme, anti-militarisme, forieningen foar jongfeinten en hwat letter ek foar jongfammen. En, ûnder dat allegearre troch, de koartsige wiksel yn de wolfeartskonjunktuer, de fal fan de 90-er jierren, de koloniale ekspânsje, it oanwaeksen fan de steatsmacht, de Boereoarloch. | |
[pagina 137]
| |
Dit drokke biweech, dit machtige gearstal fan ljocht en skaed spegelet him ek dúdlik ôf yn de Fryske skriftekennisse en dan, foar dy't sjen wol, binammen yn de folksskriuwerij. Sa skerp suver as nearne oars; ek as men it Oera-Linda-bok, dat feninige brânpunt fan geastlike revolúsje, net ûnder dit haedstik falle litte wol. Mear as om literatuer yn ús sin, bikroadzje de skriuwers har om wierheit, frijdom, reedlikens en rjocht. Foar de lju fan de kultuerhistoarje is dizze skriuwerij dan ek bilangryk; foar de minske-fan-hjoed lykwols, fral as dy fan de skriftekennisse inkeld it jaen fan taelmoais bigeart, faken forfeelsum of ûngenietber. It needlot fan alle aktuéle skriuwerij, it net boppe de tiid útrizen, hat ek fierwei it greatste part fan de Fryske skriften út dizze snuorje oangrypt. Waling Dykstra en syn geastessibben hiene mei it forline frijhwat ôfrekkene; hja koene de takomst ek net oars lizzen sjen as yn it forlangde fan har eigen tinken en stribjen, mar de tiid giet eigenmachtich syn wegen. De Frysk-romantyske streaming foun net altofolle oanhing en yngong, de folksskriuwerij waerd wakker bioefene en heechset, en dochs seit de earste ús optheden mear as de lêste. Yn de skiednis fan de skriftekennisse moat men nou ienkear globael ûnderskiede, fakentiden wol mear as de krekte wierheit talit Sadwaende leit it ek yn 'e reden, dat yn it ramt fan de folksskriuwerij gâns forskaet fan aspekt waer to nimmen falt. Ien as Tsjibbe Gearts soe men bytiden leaver yn it forbân fan it foargeande haedstik bisprutsen hawwe wolle en Wynsen Faber en Douwe Hansma allyksa; Waling Dykstra stiet yn it earst fan syn skriuwer-wêzen ek gâns tichter by Harmen Sytstra as letter, Sa binne der wol mear fraechtekens. De algemiene bineaming yn dit haedstik hâldt dan ek net yn, dat it persoanlike, it aparte fan de skriuwers net yn har wurk to fornimmen wêze soe; dat is oarsom faek sterk it gefal, sjoch Boonemmer en Feitsma mar. ‘Folksskriuwerij’ wol inkeld sizze: It praktysk-opfiedend doel fan it wurk, de flottens en lêsberens, de gaedlikens om foarlêzen of foardroegen to wurden, de didaktyske learing en de bifetlikens steane op de foargroun; de foarstelling yn ‘kunst’ wurdt mar inkeld nei stribbe. De faeije kanten fan dizze skriuwerij binne hjir ek út to forklearjen: it eachweid wurdt to lyts, to sljocht en to horizontael, dat fan need, nou't de wiere romantyk útband is, wurdt de falske romantyk mei glâns en staesje ynhelle; en yn dy har gefolch forskine mar fierstofaek sentimentélens, prekerij en oerdwealske koartswiligens. De folksskriuwers dy't mienden midden op de dyk to bliuwen, ûntspoarden sels withoefaek. Har rasionalisme waerd har oardiel, har ‘romme blik’ en argewaesje fan mystyk har iensidigens, har realisme har oerflakkigens. De saek fan it Frysk hawwe hja foarútholpen, mar op in oar plak ek wol skea | |
[pagina 138]
| |
dien; dat lêste soe net sa gau bard wêze as har oerwicht minder great en de réaksje hwat sterker en duorjender west hie. Fansels wie lyk as altyd yn it libben dit lek en brek dúdliker en slimmer by de neifolgers as by de foargongers to fornimmen. | |
2. Waling DykstraDe 14de augustus 1821 wurdt Waling Dykstra to Froubuorren berne; heit en pake wiene dêr bakker. Neffens it plak is er dus in Biltker, - hy hat ek in stik as fiif boekjes yn it Biltsk skreaun -, neffens de ôfstamming is er lykwols út goed Frysk laech en thús learde er ek Frysk praten. Syn âlden krije yn 1824 yn Spannum in bakkerij, mar Waling giet net mei; dy bliuwt by syn pake, in smout fortelier dy't tige fan lêzen hâldde en syn bernsbern grif ek mei Fryske boekjes yn 'e kunde brocht hat. Waling syn heit stoar jong, dat doe moast er tsjin it sin bakker wurde en gjin ferver, sa't oars it doel wie. Sûnt 1840 wennet er sels ek yn Spannum, mar de bakkerij gyng ûnder syn bihear hurd efterút. Hy pielde doe al mei skriuwen, siet folle to lêzen en mocht graech tekenje. Stadichoan bigoun er him yn dat orthodokse formidden (hwat karikaturael útbylde yn ‘De Fryske Thyl Ulespegel’) net mear thús to fielen, om't er sels de moderne kant útgyng. Dat, doe't er yn 1850 troude, mar syn wiif en berntsje in jier letter al forlieze moast, joech er it bakken der oan en gyng mei it pak de boer op. Yn 1855 troude er wer en doe forfear er ek nei Frjentsjer, dêr't er wurk by syn útjower-printer Telenga krige. Yn 1861 teach er nei Holwert, dêr't er in boekhanneltsje opsette. Undertusken wied er mei Tsjibbe Gearts yn 'e kunde kommen; beide mannen gyngen wolris fuort to foardragen, mar om't it folk folle fan twapetearen hâldde, diene hja al ridlik gau yn 'e mande. Dêrmei wie it ‘Fryske Winterjounenocht’ berne, dêr't Waling wol de haedpersoan fan wie; fan 1860-'62 die er it mei Tsjibbe Gearts, fan 1863-'68 mei Colmjon, fan 1869-'74 mei Boonemmer en oan 1885 ta allinne. Hy is der mei ophâlden, doe't er yn 1885 de opfolger fan Colmjon waerd as haedbiwurker fan it Friesch Woordenboek; de útjefte dêrfan roun oer de jierren 1895-1911 en wie in lijensskiednis. Sûnt 1897 krige er de lieding fan it wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’ der jit by. In biswierlik libben it ien mei oar; syn greate húshalding (alve bern) moast fral fan de skriuwerij bistean, mar jimmer hat hy der him moedich trochslein. Op syn âlde dei waerd Waling Dykstra gâns eare (û.o. mei de lokwinskbondels op syn 80ste en 90ste jierdei); like krigel en evenredich as altyd sette er syn wurk troch, | |
[pagina 139]
| |
WALING DYKSTRA
| |
[pagina 140]
| |
suver oan syn dea ta. Op de 15de jannewaris 1914 waerd to Holwert in libben fan in foege ieu lang, dat alhiel oan Fryslân tawijd west hie, ôfsletten. Mei him wie ek de 19de ieu yn Fryslân forstoarn. Yn syn bernejierren wie Waling Dykstra hwat stil, bleu en ôfwêzich, de knoffelige kant frijhwat neist. Hy hie in fyn eargefoel; uteringen as fan de Froubuorster hegerein: ‘dy jonge is net wiis’, naem er him tige nei. It leafst mocht er mar hwat lêze, tekenje, opstelmeitsje en rymkje. Leare waerd fansels net oan tocht en fan it bakken hied er in ôfgriis. Lyk as safaek yn Fryslân, duorret it tsientallen jierren ear't dit libben ta de riping komt. De wei lâns fan selsstúdzje en ôfsûndering, lyk as Harmen Sytstra, haget him net, al eigenet er him graech gâns witnis en kundichheden oan. De striid oangeande godstsjinst en wrâldskôging is ridlik gau útmakke: de man dy't syn libben lang it ‘soun forstân’ sa heechsetten hat, wurdt forsprieder fan it nije ljocht. It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant, al lizze yn dizze jierren syn mooglikheden mear kanten út as letter wol; sjoch syn fersewurk út de bigjintiid mar. Nei 1850 wurdt er frijsinnich; ‘partij’ foar de finen oer, anti-klerikael, mar binammen net anti-godstsjinstich of anti-kristlik. Lid fan de loge, lyk as Tsjibbe Gearts, hat er nea wurde wollen. De natuer giet by Waling Dykstra ek al gau boppe de leare. ‘De sucht om grappige stikjes to meitsjen en dy ûnder de minsken to bringen wie by my sa sterk, dat ik sa nou en dan al ris wer hwat makke.’ Oars as de steile, fûleindige Harmen Sytstra, dy't de tiid nei syn sin twinge wol, lit er him fan de tiid meinimme.Ga naar voetnoot1) Lykwols, hy mei dan foargoed liberael rasionalist wêze, folút optimist wurdt er nea net. Hy hat de minske net sa heech. Dêrom ‘preket’ er ek sa graech, sit it moralisme der sa djip by him yn, (‘Waling most doomje worren hè’, ornearre syn muoike). Mei al syn wurk hat er in foaropsette bidoeling; as in twade Eelke Meinerts bynt er de striid oan, it leafst yn koartswilige trant, tsjin de folksûndeugden. It rychje is sûnt in foege ieu hielendal net koarter wurden: dommens, byleauwe, slaefskens, krûperij, rabberij, skynhilligens, dranksucht, pronkskens, der bliuwt foar skriu- | |
[pagina 141]
| |
wers as Waling Dykstra oanslach genôch. En dan, hoefolle gaedlike stoffe sit der ek net yn de forhalen oer tsjoenderij en foartsjirmerij, oer duvelbanderij en kwaksalverij? As Dykstra de nei-aperij, greatdoggerij en alle poeha bispotlik makket, stiet him mar ien doel foar eagen: de sin foar ienfâld en wierheit to forsterkjen. It faeije wie fansels, dat er syn wierheit jimmer de wierheit achte to wêzen; dêrfandinne ek it normalisearjen en typearjen fan it Fryske folksaerd neffens syn eigen natuer; yn dit forbân past ek it opmerklik feit, dat er nea folle war dien hat him mear as sljochtwei yn de greate figueren fan it Fryske forline to fordjipjen. Fijân fan it ûnreedlike as er wie, seach er mar net yn, dat syn libbenswysheit sadwaende hwat in toar, bigrinzge en boargerlik foarkommen krige. ‘Ik haw nea net folle ophawn mei it heech sentimentéle en ek net mei it mystike. De natuer nei wierheit skildere, en de wierheit geastich foarsteld, dat hat my altyd meast hage’, seit er sels yn in nijsgjirrige autobiografy út 1851 (Wumkes, Paden II, s. 128). Dêr kaem de breafrage by; hy hâldde jimmer ‘de kâns op in goed oantal lêzers’ yn it each, dat it koe hast net oars of syn wurk moast de oerflakkige, ûndjippe kant útgean. Sels hat er dat grif ek wol field: mear as ienris hat er bitsjûge, dat de poëzij winlik neat foar him wie. Doe't de lettere jierren suver in oerproduksje fan him fergen, hat er de inkelde lyryske snaren fan syn earste tiid ek net wer oanslein; hy wist hwer't syn krêft lei en dêr soed er net gau boppe útgripe. In ûnbidoeld gefolch dêrfan wie wer, dat syn wurk de miening der ynbrocht, dat it Frysk fral foar ûntspanning, wille en formeits tsjinje moast. Mei al syn tokoarten wie Waling Dykstra dochs foar alles in karakter, geef en sterk as ien. Ek yn syn letter libben bleau er swijsum en ynbannich; oer himsels soed er nea prate en likemin oer oaren. As heit twong er troch de krêft fan syn wêzen in djip ûntsach ôf; foar de jongerein fan syn tiid wied er rieds- en liedsman, foar syn great tal neifolgers it biwûndere foarbyld. Dochs wied er net botte mijen; as er it mei freon of fijân net iens wie, soed er it rjochtút en soms skerp sizze en hwat alhiel bûten syn eachweid lei, soed er rislút as ûnfrysk ôfstegerje. It frjemde en útwrydske mijde er safolle as it mar koe, net it minst yn syn wurdkar; fan alle ûnbihearske utering en oerdriuwing wied er fjûrbang. Gysbert Japiks en hy brûkten beide de sinspreuk ‘sljucht en rjucht’, mar hja forstiene der elk hwat oars ûnder. Men kin it jin skoan yntinke, dat Waling Dykstra net earst of allinne as taelstrider sjoen en eare waerd, mar fral as dreech bihâlder fan echte Fryske sin; it misbigryp wie lykwols, dat dy Fryske sin dan mar ta in frij earme samling fan eigenskippen biheind waerd. Dochs kin der gjin twivel oer bistean, dat it Fryske folk in waerm gefoel hawn hat foar | |
[pagina 142]
| |
Waling Dykstra syn ienfâld en trou, en foar de oprjochtens fan syn: ‘Mar ik sil stride, salang ik stride kin......’. Al jong bigjint er mei de Fryske skriuwerij, oanfitere fan ‘De Lapekoer’ en Sytstra syn ‘Jouke Rommerts skriften’. Skruten set er útein, publisearret it ien-en-oar yn almanakken en oare tiidwurkjes en fielt him de mindere yn kundichheit fan Tiede Dykstra en Harmen Sytstra. Efkes mei it lykje, as sil er mei harren meidwaen, mar al gau fynt er syn foarm en giet syn eigen wegen. De germaenske en greatfryske romantyk fan de Selskipslju is him feitlik frjemd; nei de opgong dy't syn earst boekje (‘Doaitse mei de Noardske balke’) makket, bliuwt er ticht by hûs en by de platte groun; hy jowt in net oer to eagjen rige boekjes yn 't ljocht, in lang minskelibben oanien. Fan dy produksje moast er ek bistean, in feit dat hy en oare folksskriuwers doe nea ûnder stuollen en banken stutsen hawwe. Dat wurk kin hjir net allegearre literair hifke wurde; dêrta leit it ek fiersto forspraet en sit it goede tofolle ûnder steapels sljochtwei folkslektuer bidobbe. Sammelbondels as ‘De Fryske Húsfreon’ (5 dielen, 1900-'04) en ‘Net nij, ek net wei’ (3 dielen, 1912) jowe ek jit net in suvere yndruk; in nije, krityske, breed-opsette karlêzing sil foar in earlik oardiel ûnmisber wêze. Om dochs hwat bigryp to krijen fan Waling Dykstra syn bûtengewoan warbere wurksumheit, folget hjir in ûnfolsleine opjefte fan syn skriften, neffens it soarte byinoarset. Foar Fryske bernelektuer soarge hy fral yn de jierren 1851-53; fiif boekjes mei ferskes en printsjes leveren net allinne it biwiis fan syn rymfeardichheit, mar ek fan syn fortelkunst yn bernetrant; in biwiis ek foar de stelling, dat er fan oanliz ‘nayf’ dichter wie. Folle letter, yn de jierren 1904-'06, hat er foar ‘Sljucht en Rjucht’ gâns fabels en lyksoartich leardicht foar de bern, nei motiven fan Esopus, Gellert, Claudius en oaren, birymke en biwurke. Dat er fortelle koe as ien, docht hjir ek slach op slach bliken. De Fryske sang hat hy op it alderkrêftichst mei syn lieteboeken bifoardere. It earste wie ‘Doaitse mei de Noardske Balke’ (1848, mei foaropwurd fan Tiede R. Dykstra; werprinte yn 1850, 1853 en 1897). It al gau wiidforneamde boekje - Harmen Sytstra priizge it oan as ‘fix inna folkstrant’ - bifettet û.o. sangen as Myn Marij, De Angelfisker, en Simmermoarn (‘Hwat bistou leaflik’, wol it populairste liet dat wy hawwe). Sa tige foel dizze samling der by it folk yn, dat hja letter folge waerd fan: De Boeresjonger, nij Frysk lieteboek foar feinten en fammen (1857; werprinte yn 1875 en 1876); Mink mei 't oargel (1860); Fryske sang (1874; werprinte 1875); Rom om 't hert (1889; twaris werprinte). Foegje hjir noch oan ta de brulloftsangen en sjongfoardrachten en it is dúdlik, dat dit wurk it paed foar de beide greate | |
[pagina 143]
| |
lieteboeken (It Lieteboek, J. van Loon Jz. en M. de Boer, 1876; Nij Frysk Lieteboek, P.J. Troelstra en P.H. de Groot, 1886) foargoed sljochte hat. It gyng yn neat út boppe de bifetting fan de minsken dêr't it foar skreaun wie en forbettere dochs de smaek troch de flotte, meinimmende, bytiden hast bernlike en faken koartswilige toan, dy't Dykstra eigen wie. Ek op it gebiet fan it Frysk toaniel hat hy (mei Tsjibbe Gearts) baenbrekkend wurk forrjochte. Foar 1860 wie it by de resitear- en toaniel-selskippen allegearre Hollânsk hwat de klok sloech en de stikken dy't brocht waerden sieten stiiffol frjemdsin en ûnnatuer. Fûleindich fijân fan skyn en falsk fortoan as Dykstra wie, hat er hjir de striid mei de ûnwiere skouboarchromantyk glêd woun en yn koarten tiid in nije tradysje festige. Syn foardragerij en Winterjounenocht, syn gelegenheitsgerimel en aktuéle tiidspetearen (yn de trant fan ‘petear fan in heit mei syn soan oer 't bysonder kristlik onderwys’ út 1868), syn bondels ‘foar de praetstoel en de hurdshoeke’, lieten it folk wenne oan de publike sprekkerij yn eigen tael, in winst dy't wy nei in ieu gau to lyts achtsje. Yn de lyts fjirtich stikken dy't er skreaun hat - it trêdde part yn de jierren 1860-'70 - komt syn foarleafde foar it kluchtige dúdlik út, mar mear sprekt noch syn moralisearjende oanliz (‘safolle wille as yn 'e merke en safolle learing as yn 'e tsjerke’ hie Joast Halbertsma al frege). De motiven wiene lang net altyd oarspronklik, mar waerden op eigen wize forwurke; forskate stikken fan Molière byg. (George Dandin, Le Tartuffe, Le Médecin malgré lui, L'Avare) kamen net yn oersetting, mar yn ‘forfrysking’ op 'e planken. (Sjoch fierder haedstik XI, Toanielskriuwerij). Oan folksforhalen hat Waling Dykstra ek hiel hwat jown, safolle dat in oersjoch net to jaen is. Yn 1856 - itselde jiers dat Hjerre van der Veen syn ‘De Kaertlizzer’ útkaem en dat dokter Eeltsje syn ‘De Jonkerboer’ skreau - forskynde syn ‘De Sulveren Rinkelbel’ (werprinte yn 1866, 1887, 1908, 1930 en 1950; troch himsels yn it Hollânsk oerbrocht, 1857). It tige populaire boek is eins in histoaryske roman, dy't yn Stiens spilet, yn de jierren 1765-1790 sahwat. Like wiidweidich bytiden as Bosboom-Toussaint, Van Lennep en Conscience, docht er foar harren yn fortelkunst net ûnder, al komt der fan psychologyske tekening net folle tolânne. Net minder bikend is ek De Fryske Thyl Ulespegel, 1860; it twade diel, gâns minder as it earste, is yn 1862 op bistel skreaun, (werprinte yn 1879, 1895, 1908 en 1953). It earste diel jowt Dykstra syn wjerklank fan de Spannumer jierren; de Fryske greidhoeke en it folkslibben dêrre yn 't midden fan de 19de ieu wurde kundich útbylde, al komme de finen en frommen der fansels min foarwei. Fierder kinne neamd wurde: Twa útfanhûzers by | |
[pagina 144]
| |
Nammenom (1864, in ramtfortelling); De Wever fan Westerbuorren (1867); De Frijmitsler fan Jinsenbuorren (1870); Twa grappige stikken, Fritz Reuter neiforteld (1870); Biddel-Marijke (1874); De dochter fan de âld-soldaet (1881). Gâns koartere forhalen - ek in stikmannich yn it Biltsk - steane yn tiidwurkjes, binne apart útjown of yn de talrike bondels teltsjes yn rym en ûnrym ‘foar lju dy't graech ris hwat yn't iepenbier foarlêze wolle’. Lyk as by it toanielwurk binne ek hjir de motiven faek rounom weihelle; om foar syn trochrinnende produksje hyltyd wer nije stof to krijen, pielde Dykstra folle mei oersetting (fral út it Dútsk en Platdútsk - Klaus Groth, Fritz Reuter e.o. - mar ek út it Hollânsk - Gouverneur -), dy't lykwols altyd biwurking, forfrysking en soms wol nijskepping waerd. It leit yn it wêzen fan de folksskriuwerij, dat hjir fan plagiaet net gau praet wêze kin; it komt hjir mear op it forskaet fan thema-biwurking as op de oarspronklikens dêrfan oan. As in apart slach moatte Dykstra syn rymstikken neamd wurde. In figuer as Haitskemuoi komt yn 1855 mei har klachten oer de winter, yn 1859 oer de nije moaden, yn 1864 mei it neitinken oer de Frânske tiden, yn 1878 mei har bifining oangeande de útstalling fan Fryske âldheden. Men hoecht de lange rige titels mar nei to gean (It frijen en trouwen fan Jelle Greidboer en Beitske Bûterblom; It oerlûde tinken fan Sytske by de Pinken; Griet Snip; De duvel yn 't bedsteed) om to witten hwat fleis men yn 'e kûpe hat. Meast is it in gearmjuksel fan moralisaesje en satire, fan lear- en hikkeldicht, dat neffens âld resept fral tsjin skynhillige frommens en de misbrûken fan de nije tiid rjochte waerd. Sûnder in sedepreek giet it net; wurde der forkearde foarbylden jown, dan moat in oar him der oan spegelje. Tige knap binne hjir faek de forteltrant en de fersifikaesje; nammen as Hans Sachs en soms Chaucer komme jin by it lêzen yn it sin.Ga naar voetnoot1) Gjin wûnder, dat Dykstra op it stik fan koartdicht, slach- en ulefelrimen faek tige treflik wurk levere hat. Fan great bilang is ek Dykstra syn wurk foar de Fryske journalistyk. As samler fan tiidwurkjes (sûnt 1849 fan it jierboekje De Bijekoer, 1846-1895; fan De Fryske Húsfreon, 1851-1869); as redakteur fan De Fryske Nijsboade, 1864-'65, it earste Fryske wykblêd, liberael, mei doarpsnijs en haedartikels oer Fryske skiednis; as meibistjûrder fan it ‘Friesch Volksblad’ fan 1876-'83, mei Oebele Stellingwerf, levere er meast Frysk wurk yn polémyske of ûnderhâldende trant; as | |
[pagina 145]
| |
lieder fral fan Sljucht en Rjucht, (1897-1914), hat er ek in heap dien foar it wider útlizzen fan de swetten fan it Fryske taelgebrûk. In jier-as-hwat hat er ek Fryske skuorkalinders forsoarge. Binammen mei net forgetten wurde syn wurk foar de Fryske folkskunde yn de wiidste omfieming: tael, skiednis, skriftekennisse en folklore. It ‘Friesch Woordenboek’, dat as gefolch fan it oannimmen fan Joast Halbertsma syn erfskip troch de provinsje Fryslân útjown waerd, is yn de jierren 1879-'95 troch forskaten oan arbeide en kaem fan 1895-1911 ta útjefte; oan de trije dielen fan lyts fyftjinhûndert siden hat Waling Dykstra wol it meast dien. Fan like greate wearde binne de twa dielen ‘Uit Frieslands Volksleven’ (1896, lyts njoggenhûndert siden), in kultuerhistoarysk magazyn, dêr't gjinien gau yn útsjoen reitsje sil. It wurk, dat wol it testamint fan it forstoarne Fryslân fan de 19de ieu neamd is, bifettet ek in rike samling fan Fryske sprekwurden, dy't yn De Vrije Fries, jg. XXI en XXII, fuortset is. Tige de muoite wurdich is ek ‘In doaze fol âlde snypsnaren’, in bondeltsje bernerymkes, berneboarterijen, jongfolkswille, riedlingen, âlde lieten, sprekwurden ensfh., dat er mei Tsjibbe Gearts gearstald hat (1856, werprinte 1882). De boustoffen foar al dizze wurken hat Dykstra sammele op syn reizen hiele Fryslân troch; sadwaende skreau er ek yn forskate opstellen en rymstikken mei foarleafde oer de tiid, ‘doe't pake jit feint wie en beppe jit faem’. De rige forhalen en forheljende fersen, allegearre oan ûnderwerpen of figueren út de Fryske skiednis wijd, is tige lang, Troch syn oandiel oan de nije stavering fan 1879, syn taelforbettering yn it wurk fan jongere skriuwers en syn folksaerdige foarljochting oangeande de Fryske skriften út it forline (Gysbert Japiksútjefte, 1853; Aegtsje Ysbrants, 1861; Harmen Sytstra, 1867; Frysk Lêsboek, 1883; Feestrede, 1894; Psalmen, sangen en oar stimmich dichtwurk, 1903; opstellen yn jierboekjes en tydskriften), hat er forbinend en bihâldend wurksum west. Ek dit diel fan syn libbenstaek hat er sá waernommen, dat it mei earbied neamd wurde moat. Dichter sil Waling Dykstra himsels net gau neame, al wied er it mear as mannichien tinkt en hat er der ek wolris nei stribbe.Ga naar voetnoot1) Hy liket ús foar dichter ek hast to kâld, to saeklik-nochteren, to skeptisistysk yn syn ûnforsteurber flegma. As rimer biskikt er oer in great talint; it rint allegearre like flot en glêd by him en de tael wurdt nea ûnnatuerlik | |
[pagina 146]
| |
brûkt of forsearre.Ga naar voetnoot1) Yn de lytsere rymstikken kin men dat wol gauris wurdearje, de skerpe wize fan sizzen en it geve taeleigen hâlde jin salang wol fêst, mar mieri! as men syn stikken fan withoefolle siden ûnder hannen hat, byg. de ‘bibelske’ dichten as ‘Simson de sterke man’ út Wintergrien, of ‘Yn en bûten it paradys’. Roun it mar ris net sa fansels of briek er mar ris út de bân; nou is it, o ja, technysk sûnder wryt of slyt, (hoewol hy earm oan forskaet fan strofe-foarmen is), mar ek op 'en dûr forfeelsum. Syn objekten hellet er yn it 19de ieuske nije ljocht en sa sjocht er der ek gjin bien yn figueren as Simson, Adam of Lot al riddenearjend en forklearjend dea to praten. De ivige tsjinstridichheit fan leare en libben sjocht er net as tragyk, mar as gemiene húchelderij, dêr't men tsjin stride moat. Krekt yn it dúdlik iepenlizzen fan skyn en wêzen, sa't hy dy seach mei syn fêste, logyske, partidige bigripen, foun er gjin lyts diel fan syn libbenstaek. Nei forrin fan jierren biynfloede dat sasear syn hiele persoan, dat er yn syn oprjocht sykjen nei wierheit de wearden fan it hert faek foarbyseach en forgeat dat der ûnder dat hert ek noch frjemde djipten lizze. Ien, dy't yn ‘it dichterlike’ sahwat itselde sjocht as oerdreaun, weak en flau fortoan, keart him der fansels op 'en dûr fan ôf. In sterke, mannelike, ynbannige persoanlikheit as Waling Dykstra, krêftich yn syn rêstich selsbitwang, mei in útsprutsen rasionalistyske wrâldskôging, moast yn de lyryk wol in tofolle oan froulike swakkens sjen. Pronk en sier binne foar him gau itselde as forguldsel. Hy wol de dingen sjen litte sa't se binne, mar sjocht net dat er dêrmei net fierder as de bûtekant komt. It folkslibben kin er krekt waernimme en werjaen, de folkstael hat er better en fynder as ien yn de 19de ieu ôfharke, it nau forbân tusken tael en folksaerd fielt er goed oan, mar de folkssiel mjit er earder yn de breedte as yn de djipte. Sadwaende waerd Waling Dykstra, hy koe de minsken noch sokke satiryske spegels foarhâlde, ‘Waling-om’. Der sit hwat fan de tiidgeast yn dat taheaksel; dochs is it min to tinken efter de namme fan Joast Halbertsma, Hjerre van der Veen of Gerben Postma. Kaem it omdat Waling Dykstra yn syn boargerlike wissichheit jimmer de utersten fan de hertstocht mijd hat? Sûnder ynspanning sil dat ek net gien wêze; it seit wol hwat, dat, hwer't er himsels al gean liet, it grif wie yn de grappigens, de karikatuer en de mistekening fan de tsjinpartij. Waling Dykstra is ien fan dy skriuwers lykwols, dêr't men earst nei de krityske skôging de greate bitsjutting fan sjocht, - as men alteast net, lyk as party, yn de krityk hingjen bliuwt. Elk sjocht nou | |
[pagina 147]
| |
wol yn, dat er gjin romanskriuwer yn moderne sin hjitte kin en dat syn greate forhalen mar altofolle in opiensteapeling fan brike tafallichheden binne, sûnder sielkundige groundearring en sûnder in hechte bou. Elk sil him faker fersemakker as dichter neame, mar de frage bliuwt, oft wy it didaktysk elemint yn de literatuer net ta ús skea bûtensletten hawwe. As ûnderhâldend en koartswilich forteller yn rym en ûnrym birikt er mear as ienris in frij greate hichte; der binne genôch staeltsjes yn syn wurk, dy't fan syn typearringskunst oertsjûgje, folkssangen, dy't libjen bliuwe sille. Mar yn de stream fan folkslektuer, dy't er fanneed wol oer Fryslân útstoarte moast, dûkt dat bysûndere spitigernôch tofolle ûnder. Set men Dykstra njonken Hollânske folksskriuwers fan syn tiid as Gouverneur en Cremer, dan kin er skoan foar 't ljocht komme; syn bêst wurk kin njonken dat fan de Platdútskers Klaus Groth en Fritz Reuter stean, mar by dat fan de Switser Gotthelf en de Eastenriker Rosegger kin it dochs net helje. Mei dy beide lêsten hat er de skerpe waernimming, de didaktyske ynslach, de leafde foar it doarpslibben en de boerestân en fral de sedeprekerij gemien, mar oan har sielkundige tekening en waermte fan oanfielen komt er lang net ta. Syn humor ûntspoart ek to faek, hat yn elk gefal gjin hânwetter by dy fan Dickens bygelyks; hy mist de tragyske aksinten, mar hat dêrfoaroer de fortsjinste fan soune folksaerdigens en krêftich realisme. Dat realisme stelt ús ek yn steat ús út Dykstra syn wurk in foarstelling fan it 19de ieuske Fryslân to foarmjen. Hurdriderij, ringriderij, keatspartij; dronkene boeren, bysfeinten, frijers en strúnjeijers; forhalen fan tsjoenderij en foartsjirmerij, fan kreamheinsters, bôlrinsters, luije skoalmasters en duvelbanners, fan wrotters, fyndoekspoepen en mieren, fan fine dûmny's, waermmielrinders en Nutssprekkers, - dat allegearre en de helt is jo jit net oansein. Dêr is de lange rige typen, net ôf to eagjen suver, elk mei in tapaslike namme: Likele Slûchslim, Sjoerd Stiif-fan-krinten, Sjerp Slikker, Klaes Moaiprater, Bjinse Slop-en-taei, Hâns Wolbiredt, Fetsje Sûnder-boaijem, gean mar troch. Dêr binne de toanielhelden: Lubbert Erchtink, Toan Sjipsop, Keapman Koartsicht, Oebele Glûper, Wigle Kwânseler. Dêr lêze jo de titels: Brieven fan Seakeleboer oan syn wiif oer it Lânboukongres op it Fean; Hwerom Kluerd Grousma gjin wiif krige hat; It geheim yn 'e bolkoer. Waling Dykstra syn wrâld wie grif it hiele Fryslân net, mar syn wurk waerd drok lêzen en it sil mei oan syn namme to tankjen wêze, dat it wykblêd Sljucht en Rjucht nei 1897 fiks de guit krige. Doe stie lykwols de ieu ek al op de drompel, dy't tsientallen fan Dykstra syn skriftueren forgoed yn it forjittelboek forsinke litte soe. Waling Dykstra wie gjin man fan histoarysk of profetysk bisef, | |
[pagina 148]
| |
hy wie in man fan it hjoed. Dêrom wie er ek gjin taelstrider as Harmen Sytstra; hy stie ek frij los fan it Selskip en hat der net iens altyd lid fan west. Yn wêzen wie er mear provinsialist as nasionalist en dêrom docht it jin gjin nij dat er oangeande de takomst fan Fryslân pessimist waerd. Fuort nei 1850 doar er it Frysk jit optein foarútgong en bloei ta to sizzen, mar yn 1894 makket er fan de ‘Feestrede’ by it fyf-tich-jierrich bistean fan it Selskip suver in bigraffenispreek: ‘As wy acht jouwe op alle teikens fen ús tiid, den moatte wy wol ta 't bislút komme: de fryske tael scil de striid om syn bistean op in dûr net folhâlde kinne’, seit er dêr, en efkes letter: ‘De fryske tael het de tarring’. By einbislút hie Waling Dykstra dochs in to smel, to tydlik en to persoanlik eachweid om oan it fuortbistean fan Fryslân to leauwen. Hat er him faeks sa op it fêstlizzen fan de folkstael en it ynventarisearjen fan de folkskunde talein, om't er jit in byld fan syn Fryslân mielje woe, ear't it alhiel weistoar? Dat in tiid en ek in folkslibben harsels fornije kinne, skynde er him net yntinke to kinnen. Mear as folle oaren is Waling-om slachtoffer fan de tiid wurden. De man dy't by syn libben frijwol algemien tige wurdearre en gauris huldige waerd, dy't mear neifolgers krige as hokfoar oar Frysk skriuwer ek, dêr't in pear jier nei syn dea al in greate earestien foar oprjochte waerd, dyselde man koene de Jongfryske nijljochters fan 1915 in skoft lang gjin goed wurd foar fine. Letter is dat bluisterige oardiel wol hwat bikommen; doe seagen de Jongfriezen wer de warberens, de trou, de karakterfêstens, dy't efter in uterlike kâldens forhoalen leine, de greate fortsjinsten foar de taelstriid op it stik fan Frysk lêzen, sjongen en toanielspyljen. Mar doe wie de Fryske biweging yntusken ek al frijhwat fordjippe; de orthodoksy, - der mei fan weromhâlden, om't Dykstra jierren lang yn faeije iensidigens sa'n sterk-persoanlike ynfloed op dy biweging útoefeneGa naar voetnoot1), - joech har der einlings by en brocht al gau de folksstriid ta djipper bisinnen en fûlder wollen. Sûnt is de wiere bitsjutting fan Waling Dykstra dúdlik: ien fan Fryslâns oprjochtste en kundichste rintmasters, mar ien dy't de him tabitroude talinten spitigernôch net yn it aventûr fan it leauwe fordûbele hat. | |
3. Tsjibbe Gearts van der MeulenOp Burgumerdaem wurdt Tsjibbe Gearts, freon, geastessibbe, mar ek de aparte tsjinfuotter fan Waling Dykstra, de 6de fan maeimoanne | |
[pagina 149]
| |
TSJIBBE GEARTS VAN DER MEULEN
| |
[pagina 150]
| |
1824 berne. Syn heit is klokmakker en hy, de jongste fan fiif soannen, in jonge dêr't neffens de masters wol hwat mear yn siet as sljochtwei, moat al gau mei oan't fortsjinjen; as it by de bakker net foldocht, dan mar by heit yn 't wurk. De earste forskynsels fan in kunstsinnige oanliz dogge oars dúdlikernôch bliken: nocht oan lêzen, rymkemeitsjen en tekenjen, pielen mei foardragerij, oppenearje har al gau en elk wit wol, ‘Tsjibbe klok’ rint der hwat út. As Harmen Sytstra yn 1847 ûndermaster yn Burgum wurdt en dêr in goed jier letter in krite fan it Frysk Selskip oprjochtet, kin it net oars of hja komme meiinoar yn 'e kunde. Tsjibbe ûndergiet de ynfloed fan syn hwat âldere liedsman en freon, mar dy bliuwt kritysk oer de hwat bluisterige jongkeardel; de drege, stive, ynbannige klaiker en de ympulsive, springerige en faek oerdwealske wâldman ûntrounen elkoar neffens aerd ek gâns. Tsjibbe bigjint daliks mei Fryske stikken op to meitsjen en dan ek fielt er sterk de romantyske driuw nei foroaring, dy't Sytstra hast de sé op fierde, Tiede Dykstra syn universitaire stúdzje net ôfmeitsje liet en Waling Dykstra by it bakkersfak weijage hat. Lyk as de measte Fryske skriuwers fan de 19de ieu hie Tsjibbe Gearts jierren lang in swiere striid om it stoflik bistean. Njonken de klokmakkerij hied er al gau in foech boekwinkeltsje opsetGa naar voetnoot1) en hy troude let, yn 1858, in rom jier nei de dea fan syn mem. Sûnt 1860 gyng er trije winters oanien der mei Waling Dykstra foar it Winterjounenocht op út - ornaris wie Waling de boer en Tsjibbe de hear -, mar doe't er yn 1864 brievegaerder waerd, moast dat ophâlde. Foar postrinner wie er lykwols lang net praktysk en sekuer genôch, dat yn 1873 waerd er ûntslein. Hy bisocht it mei in krudenierswinkeltsje, mar dat koe ek neat wurde. Om't frijhwat lju fan de hegerein him genegen wiene, waerd er by syn boekhanneltsje ek oan in foege printerij holpen; as útjower fan de Burgumer krante krige er it nei 1878 ek gâns better. Syn wurk as emigraesje-agint hie him yntusken ek gjin wynaeijen lein. De dichter fan de Lânforhuzerssang (‘Amearika, dou lân fan dream en winsken’) hie om 1848 hinne ek wol graech nei de nije wrâld wollen, mar koe thús net mist wurde. Fan syn seis jonges binne der ek twa hinne tein en doe't er hwat mear earmslach krige, makke er yn 1881 in reis nei de Foriene Steaten en hâldde dêr neitiid rounom lêzingen oer. Letter mocht er jit graech ris reizgje; ‘hwat wrâldboargerskip- | |
[pagina 151]
| |
eftich’ hied er neffens eigen sizzen altyd al west. Op syn âlde dei wie er slim dôf en hied er lêst fan in hertkwael, mar hy bleau oant syn dea, de 16de fan maertmoanne 1906, jit like jong, libben en biweechlik fan geast as altyd. In nuver man, forneamd om syn brike setten en útfallen, in súnderling, it bern fan it Fryske húsgesin, sa is Tsjibbe Gearts faek neamd; de man fan it amerij, dy't him fan freugde en fortriet beide tige meinimme liet, dy't yn syn wêzen in romantyske kontrastwurking iepenbierre, sa is er ek typearre. Hy wie in gefoelsminske, ien mei in boartlike en fearkrêftige geast; yn syn drôvichste ûren hat er soms de fleurichste koartswyl skreaun. Meilydsum en bihelpsum wied er tige; bernlik fan aerd, sei en die er hwat him yn 't sin kaem en wied er slim egosintrysk, hoewol altyd yn ûnskuldige foarm: elk wist, hy wie nou ienkear o sa hinne en wer, en koe dat fan him skoan hawwe. As er net hwat to forearjen en to biwûnderjen hie, koed er net libje; mei syn eigen wurk wied er seldsume wiis, mar hy seach der bytiden ek skerp de tokoarten fan. Sytstra mocht yn him syn jeijen nei grapperij, syn foarstelling fan it mâlle, minne en gekke net lije, mar oft dy wol genôch each foar Tsjibbe syn aparte humor hie? It wurk fan Tsjibbe Gearts wie as hysels: tige weak, suver op it útwrydske ôf, en dan wer neffens de eask fan syn ieu sedeprekerich en deugdbifoarderjend; nouris kluchtich en komikerich en efkes letter geef en geastich, fol goede humor. Yn folle is dizze skriuwer romantikus, - al uteret him dat oars as by Sytstra, Tiede Dykstra en Colmjon, - oare tiden is er realist en siket er it mear yn it folksaerdige en deistige. Der sit hwat twaslachtichs en tsjinstridichs yn syn wêzen: de jefte fan smout, libben en gefoelich fortelle to kinnen, de sentimentélens dy't maklik yn it melodramatyske oerslacht, de oanstriid ta moralisme, driuwe him de kant fan de folksskriuwerij op. Syn tige persoanlike humor, syn bûtenslaggen, syn skatten fan de dingen neffens ‘de wearde, dy't syn forbylding der oan joech’, syn ûnharmonyske utering, meitsje him ta romantikus. Altyd set hy syn tinzen op papier sa't it hert it him opjowt, sûnder him folle om tael, stavering of ynterpunksje to bikroadzjen; fangefolgen is syn wurk gauris tsjuster, yn tsjinstelling mei dat fan Waling-om, dat gjin riedsels opjowt en altyd ‘bigryplik’ is. Tsjibbe Gearts syn forhâlding ta de godstsjinst jowt ek alle rjocht him romantysk to neamen. Under ynfloed fan syn mem en inkelde freonen hinget er yn syn jonge jierren ta it orthodokse leauwe oer, mar de ûntjowing fan de tiid en grif ek de omgong yn it Selskipsformidden skuorre him al gau de oare kant út. Nijmoadrige lektuer en de liberale leare fan de foarútgong meitsje him njonkenlytsen ta in humanistysk frijtinker, dy't him fan neat bine litte wol, binammen net fan de foarm, | |
[pagina 152]
| |
dy't foar him fansels dea is. ‘De natuer is ús tsjerke en 't gewisse ús domeny’, dêr hâldt er him oan. ‘Ik bihear wol net ta de Roomske of in oare tsjerke, hwer ik it bidden, suchtsjen of from wêzen nei wet en foarm leard ha’, seit er earne, mar dêrom leaut er wol hwat! De mystyk hat mear fet op him as op Waling Dykstra, mar lyk as dy stiet er ‘lofts.’ As frijmitsler makket er graech de skynfrommens, dy't by him sahwat itselde is as de orthodoksy, forachtlik en bispotlik - smeulske stikken oer de sindingsfeesten foelen der doe grif yn - en propagearret er it forljochtings-stribjen. Hy jowt him ‘ûnder de stim fan 'e Rede’ del, seit er, mar men fornimt by gjin skriuwer minder reedlikens as by him; de âlde tradysjes bistriidt er fûl, mar as middel dêrta brûkt er it Frysk, dat it krekt fan tradysjes hawwe moat; op de frijtinkersnamme is er greatsk en njonken Multatuli doar hy bêst stean to gean, mar earlik ek neamt er himsels ‘in bern dat yn 'e bosk fordwaelt, sadat it de âlderlike wente net werom fine kin’. Hy wie nou ienkear yn oars neat konsekwint as yn it dichter- en bern-wêzen. Strider wie er ek net, net yn it sosiale en net foar de tael. Fryslân en it Frysk miende er it tige, mar hy seach der ek gjin bien yn ris it Hollânsk to brûken; Great-Fryslân lei alhielendal bûten syn eachweid. De ‘stielen wet’, sa't Waling Dykstra dy formulearre hat - ‘al hwat ienkear wêzen krige, moat ek wer forsinke yn't neat’ - liet ek him net ta oan de takomst fan it Frysk to leauwen: ‘Wy bikleije it slachte dat nei ús wêze sil, dat de wiere sin fan ús greate rimers en skriuwers net mear fetsje kin. Driuwt op de wjokken fan de tiid it Fryske hinne, och, dat ús boekje tsjinje mochte om dy flecht nei 't frjemde, alteast in amerij, op to hâlden’, skriuwt er yn 1880 yn it foarwurd fan dy wylde en dochs wol nijsgjirrige karlêzing, ‘Moaije Blommen fen ús Frysce Letterkroane’, in boekje dêr't Waling Dykstra net folle goeds fan sizze koe. Tsjibbe Gearts wie in aesthetyske natuer; syn hiele wêzen hie forlet fan moaijens, wierens en goedens; de gewoane dingen fan it libben trieken him net it earste, mar hy bigearde ‘it ideale’ om him hinne.Ga naar voetnoot1) Koed er him dêrom sa oan it blinkend bistean fan de hegerein forgastje? (‘Dan siet ik de jouns mids edellju en jonkfrouwen en ik krige harren leaf en ik haw harren jitte leaf en hja hawwe my fuortholpen. O, ik kin noait in sosialist wurde yn dy sin, dy't mennich-in-ien deroan bynt’, skriuwt er yn 1900 yn syn autobiografy; Paden II, s. 200). Ien fan syn bikendste stikken foar it Winterjounenocht hjitte fan ‘Harmony’ en der is neat dêr't dizze man, by hwa alles trochinoar lei, mear om socht hat. Fan grinzen wist er syn libben lang net en min koed er | |
[pagina 153]
| |
ek de ôfstân foar syn persoanen oer biwarje. Dat der oan syn eigen talint likegoed grinzen steld wiene, woe him net oan; withoefaek hat er fiersto heech grypt en oars net towrâld brocht as in karikatuer fan hwat hy bistribbe. It hast ûnpersoanlike, saeklike fan Waling Dykstra syn biskriuwingskunst is him frjemd; as Waling-om syn foarm foun hat - dat hat er mei tritich, fjirtich jier al - skriuwt er langer as in heale ieu yn deselde trant fierder; Tsjibbe Gearts wurdt lykwols hyltyd dreaun hwat nijs to bisykjen: in opera, in tekst foar in oratorium, in allegory. Fan oanliz is er ek alsidiger as Waling; as dy kin er krekt en skerp it deistich libben tekenje en hâldt er der fan, de minsken har lek en brek warskôgjend foar to hâlden; neffens de moade fan syn tiid lit er yn ien minske ek mar ien grouwélige ûndeugd wenje, dêr't it ljocht fan ‘it goede’ dan skerp by ôfstekt. Mar Waling is rêstich en bihearske en wol syn lêzers feitlik of reedlik oertsjûgje, wylst Tsjibbe him gean lit op de stream fan syn gefoelens en syn idealisme en fan tofoaren nea sizze kin, hwer't er bilânje sil. De natuerforearing leit Waling yn in min of mear wiidweidige, objektive biskriuwing; Tsjibbe lykwols kin de persoanlike útroppen net binefter hâlde. Gjin ‘wittenskiplik’ man, dizze Tsjibbe Gearts: yn it stik fan tael en stavering hat er nea bysûndere eptich west en joech er syn wurk ûnsuver út 'e hannen, konstatearre Waling Dykstra al, dy't sels as noarm de lottere folkstael stelde, mar dêr dan ek frijwol alles mei wurde koe. Tsjibbe liet it hert baes, hantearre de tael sa't him goedtocht, fornaem net dat syn logika gauris de faeije kant neist wie en dat er yn syn toanielwurk in opset tapaste, dy't der yn de Fryske forhâldingen fan doe hielendal útroun. Alderearst is er lykwols dichter, al is dêrom al syn wurk lang gjin kunst; hast altyd fielt men, dat it spontaen en natuerlik ûntstien is, wylst Waling syn wurk de yndruk makket handich yninoar set to wêzen. Dêrtroch komt Tsjibbe syn wurk, al kin men der maklik it hiele liberale tiidsprogram út ôflêze, dochs by stuiten mear as dat fan syn freon oer de eigen tiid hinne; nea wurdt it toar forstânlik tinken, nea de prekerige bilearing syn hertestimme oermânsk. Himsels ‘fêstskreaun’ hat Tsjibbe Gearts grif net; yn gjinien fan syn mooglikheden bleau er sitten, mar ek yn gjinien birikte er it heechste; tokoart oan selskrityk en it feit dat er de foet net by de kûle to hâlden wist, stiene him dêrta yn 'e wei. As suver Frysk fortsjintwurdiger fan it 19de ieuske humorisme, sa't him dat yn Ingelân by Dickens, yn Dútsklân by Reuter (en Heine) en yn Hollân by Hildebrand (en Piet Paaltjens) oppenearre, is Tsjibbe Gearts foar ús jit fan de measte bitsjutting. Hy sjocht it lytse, leech-by-de-grounske, ûnwierhaftige, mar hy kin der om glimkje en lit him der net troch ta hate forliede; frede mei it ûnfolsleine hat er net, mar in | |
[pagina 154]
| |
wiis meifielen hâldt him dochs fan fûl ôfstjitten werom. By oare Fryske skriuwers fan syn tiid is koartswyl faken itselde as gekjeijerij en bizigens, mar by him klinke der eigener toanen troch en kriget de humor in persoanlik aksint; lês mar ris efterinoar ‘De gelokkige dichter’ út 1853, en ‘De dichter forlegen om in rymwurd’ út 1860 (Ald en Nij, s. 113 en 254). Is Waling syn grappigens gauris to stiif oanset, tofolle optocht, Tsjibbe Gearts sines komt fansels, hwat meibringt, dat de utersten fan idyllyske of oerdwealske oerdriuwing net altyd mijd wurde. Beide freonen binne hjir gauris forgelike. Beide wiene hja de baenbrekkers foar it Frysk toaniel, de fêstigers fan de winterjounenocht-tradysje, de leverânsiers fan in smite gaedlike foardrachten en folkslektuer; yn har geastlike ûntjowing en wrâldskôging stiene hja elkoar tige nei en de libbenswei lei foar beide fier fan maklik en sljocht, - kamen de Hollânske skriuwers út dizze tiid allegearre út de boargerklasse of de hegerein, de Fryske skriuwers wiene suver stik foar stik arbeidersjonges, dy't har troch eigen krêft út de nearzichste omstannichheden omheechwrotte moasten. Dochs wisten hja tige goed fan it greate forskil tusken harren. Waling Dykstra rymke fuort nei Tsjibbe syn dea: ‘Wy wiene in pear en net in pear En just dêrtroch mei elkoar klear. Hwat de iene hie, hie de oare net, Sa ha wy 't altyd mei'noar redt.’ Waling fielde him yn it deistich libben de wizere en de liedsman, is stiver en konsekwinter en hâldt folle mear de pipen yn 'e sek,Ga naar voetnoot1) mar oan Tsjibbe syn dichterlikens hat er fral yn syn lettere jierren gjin hânwetter.Ga naar voetnoot2) Ta it bêste fan Tsjibbe Gearts syn dichtwurk hearre grif de minnedichten (Op 'e heide, Lou op Moandeitojoun, e.o.) en de freonskipspoëzij (Sankje ûnder goefreonen, Wémoed, By de dead fen in freon). Hichtepunten birikt er ek yn syn elegyën, kleisangen op de dead fan Eeltsje Halbertsma, fan Harmen Sytstra en fan J. van Loon, binammen yn de earste. Dy elegyske toan sit ek yn it moaije fers ‘Oan myn soan Willem doe't er nei Amearika teach’ en yn it nayf-oandwaenlike ‘De Rimer’. Foar ien dy't sa min de disharmonij fan it libben forwurkje | |
[pagina 155]
| |
koe, wie it gjin niget dat er it graech socht yn de satiren (Freonskip, Lys mei de bôllekoer) en de talrike idyllen (De fisker, Jut mei 't oargel, Sneontojoun fan in arbeider, In sneontojoune, e.o.); folle goeds is dêr to finen. De stof is wol net altyd like oarspronklik, (sa't der jimmer by forskate dichters yn deselde tiid in foarkar foar deselde ûnderwerpen bistiet), hy herhellet himsels ek gauris, mar de foarm en de biwurking binne ornaris eigen en nijsgjirrich. Yn it proaza falle fuortdalik op de libbene en fleurige forteltrant, de boartlikens, de needsaeklike omhalen en de sin foar it komyske. Ien dy't yn in fyftich sydtsjes sa de ‘Sneon en sneontojoun’ op in Frysk doarp biskriuwe kin (Swanneblommen 1896), forstiet de kunst, hat it folk goed achtslein en biharke en is ek net sûnder wysheit. Tsjibbe Gearts hat frijhwat ôfskreaun; forskate stikken yn de bikende tiidwurkjes, bydragen yn de earste twa Winterjounenocht-bondels en mannich lyts folksboekje tsjûgje dêr fan. Allinne hat er û.o. útjown: ‘Tryntsje mei de rommelpot, in nift fen Doaitse mei de Noardske balke’ (1850), in lieteboekje, en ‘Myn suchten en myn sangen; in hânfol blommen út de Wâlden’, 1859, in foege tritich dichtstikken, meast frij mankelyk en elegysk fan toan. It greatste part fan dizze en oare skriften is fan 1907-'11 útjown yn de twa dielen ‘Ald en Nij’, lyts 700 siden meiïnoar, in spitigernôch sloarderige en rûge samling. Dêr steane net yn de rige toanielstikken, de oratoriumtekst ‘Simmernacht en simmermoarn’ (Moaije Blommen, s. 75-96) en de opera of it sjongspul ‘Jan en Janke’ (Forjit my net, 1897-'98).Ga naar voetnoot1) Njonken dit lêste wurk kinne stean de ‘Inkelde brokstikken út it 1ste diel fen Goethe's Faust, biarbeide fen T.G.v.d.M.’ (1912); in oersetting mei dit boek net hjitte: der binne stikken fan it oarspronklike weilitten en Tsjibbe hat der hwat fan syn eigen fining by ynlaske; tige ûnfatsoenlik dwaen winliken, as krekt ‘it bern fan it Fryske húsgesin’ it net dien hie. Nimmen sil dizze biwurking earnstich nimme, al steane der wol goede eintsjes yn. Foar de folkskunde hie Tsjibbe Gearts in iepen each: mei Waling Dykstra joech er yn 1856 ‘In doaze fol âlde snypsnaren’ út. De Fryske skriftekennisse lei him heech; syn blomlêzing ‘Moaije Blommen’ mei tige ûnsystematysk opset wêze, hja hat dochs in persoanlik karakter. | |
[pagina 156]
| |
Foar de greatens fan Gysbert Japiks, - dêr't er tige fier mei weiroun, - de Halbertsma's en Harmen Sytstra, hied er in waerme earbied. Ek syn journalistyk wurk yn de Burgumer krante, meastepart Hollânsk fansels, sit goed spul by. | |
4. Auke BoonemmerDe 8ste fan julymoanne 1823 wurdt Auke Boonemmer to Grou berne as de jongste út in skoalmastershúshâlding. Soargen en earmoede makket er al ier mei en fral it ûntslaen fan syn heit yn 1829 jowt him pynlike yndrukken, dy't er, tige gefoelich as er is, net gau wer kwyt wurdt.Ga naar voetnoot1) Hy sit efkes by ‘master Hjerre’ yn 'e klas en as hja nei Burgum forfarre, dêr't de heit boekhâlder op in beamkwekerij wurdt, komt er al gau mei Tsjibbe Gearts yn 'e kunde; dy sil him dan ek mei oan it skriuwen helpe. It is mei him ek wer de âlde Fryske wize: Goed leare kinne, der sit hwat yn de jonge, in skoftke kwekeling, net genôch fortsjinje, en dan ferversfeint. Jierren fan opgong en aventûr binne foar him de tiden fan it Fryske Winterjounenocht fan 1862-'75, earst mei Jentsje Sytema en letter mei Waling Dykstra; dan sit der hwat fleur en glâns yn it bistean. In ûnbiantwurde leafde komt er lykwols net maklik oer hinne, hy bliuwt âldfeint, sparret en bigjint to gau to rintenierjen, lêst, leart en skriuwt, rekket syn pear sinten kwyt en hat syn lêste libbens-jierren in iensum, heukerich en earmoedich bistean yn Hurdegaryp. Der is gjin lân mear mei him to bisilen, hy komt yn syn bernskens en stjert de 27ste jannewaris 1894 yn it Ryptsjerker earmhûs. ‘In man to goed foar dizze ellindige húcheljende mannichte’ en ‘in edele siele’ neamt Gerben Postma him, net sûnder hwat forhoalen selsbiklach. Mar Piter Jelles, dy't him in skoft goed kend hat, oardielet al net oars, as er him ‘in ienfâldich hert sûnder kwea’ neamt, ‘alhiel frjemd yn 'e wrâld’. Boonemmer wie, neffens Troelstra, ‘in stumper yn en foar de wrâld, dy't himsels yn syn keal lyts keammerke in wrâld der fantasije opboud hie, dêr't er heal fan syn dreamen en plannen libbe, wylst er nei it lichem forkaem en de wrâld al mear en mear ôfstoar’. Hy hat wol hwat fan Tsjibbe Gearts, mar bliuwt himsels mear gelyk | |
[pagina 157]
| |
en sjocht de dingen fan it libben gauris wizer en djipper. Syn wurk is min oersjoch oer to krijen, om't it tige forspraet leit. In waerme meilydsumens, in fromme ienfâld en in oangripende mar bihearske humor hearre ta it wêzen fan dit wurk, dat der ek troch in masterlik gebrûk fan de folkstael útkipt. In tige eigen lûd fornimt men slach op slach; hy wit flot en ûnderhâldend to fortellen, hat de petearfoarm tige yn 'e macht, karakterisearret syn persoanen nea grou of wreed, mar altyd fol meilibjen. Hy hat each foar de greatens fan it lytse, (‘de ienfâldichste dingen kinne jin greate lessen preekje’), lit him mei syn moralistysk-didaktyske oanliz wolris to fier gean, - foar party Fryske skriuwers út dit tiidrek foarmen de Nutsjounen de oefenskoalle, - mar hâldt jin troch syn oprjochtens en minsklikens fêst. Hwa sil him, dy't der safolle fan sjoen hat, forwite, dat er al mar wer de earmoede biskriuwt? In pear bondeltsjes jowe in ûnfolsleine yndruk. ‘De Jounpraters’ (1855, 2de pr. 1886), bistiet út earst twa, letter trije nutsfoarlêzingen: smoute, geastige en ek wolris skerpe preekjes. ‘It doarpke oan 't spoar’ (1876), wol twaris sa great, bifettet rym en ûnrym, meast foardrachten foar twa persoanen. In aerdige figuer is Metten, de maet fan de skriuwer, dy't hy graech yn syn petearen ynfiert. Yn dit boekje stiet ek ‘De Fryske Polderjonge’, in fers dat syn dichterskip dúdlik biwiist. Hoe't er yn dimmenheit mei de greate religieuze fragen wraksele, kin men opmeitsje út in fers as ‘Almacht’ (Forjit my net, 1887) en út ‘Fraechteikens’ (Swanneblommen, 1919, s. 123). En hwa, dy't dy beide kostlike fersen lêst, ‘Breidzje’ en ‘It boask oan 'e dyk’ (For Hûs en Hiem, 1888; yn deselde jiergong ek it moaije stik proaza ‘De toga’), sil Boonemmer net ien fan de bêste Fryske folksdichters neame? Ek by it toanielwurk, - meast útjown ûnder de skûlnamme Master Abe (= A Bé), - sit wol hwat dat net forgetten wurde mei. Boonemmer hat yn syn tige aparte autobiografy (foar in great diel ôfprinte yn Swanneblommen, 1919) skreaun, dat er net op de neiteam hoefde to tidigjen. Hy wie mis; as syn bêst wurk earst mar ris byinoar stiet, sil de neiteam him fan herten tankber wêze. | |
5. Sake Knjilles FeitsmaAlwer in tragysk libbensforrin: Berne de 8ste septimber 1850 to Burgum; de heit is timmerfeint. De âlden hearre by de ‘ofgeskeidenen’ en hawwe it net rom. Sake kin tige leare; de iennichste kâns is fansels wer: skoalmaster wurde. Hy stiet op forskate plakken, wurdt yn 1882 | |
[pagina 158]
| |
boppemaster, mar as syn forkearing mei in ûnderwizersdochter fan de Lemmer útskuort om't har âlden der op tsjin binne, rint it mei him speak. Feitsma rekket fan hertsear oan 'e drank, bisiket it as master jit op forskate plakken, mar moat op 't lêst dochs forgoed út skoalle wei; fuortoan is er, neffens himsels, ‘in earme swabber foar in skriel stikje brea’. As boekesutelder reizget er hiele Fryslân troch, jowt op syn wize as foardrager winterjounenocht en wurdt fanneed breaskriuwer; om't it Frysk him dêrby gjin genôch earmslach jowt, moat er wol nei it Hollânsk oergean, hoe graech er him ek hielendal oan de tael fan syn leafde jaen wolle soe. In Frysk moanneblêd (‘Uren fan lins’) dat er útjaen sil, komt ek neat fan. Yn 1893 wurdt er meiwurker en korrektor by it Friesch Woordenboek; hy lit de drank lykwols net stean, rekket in skoft by it Heilsleger en kin it mar net fine. Earst yn 1897 liket it daegje to sillen, as er mei syn eardere faem trout (sjoch: Hjerstgrien; Forjit my net 1899, s. 64). Mar ek nou is it lok net duorjend foar him weilein en bliuwt de doem op him lizzen: altyd jildkrapte, withoefaek forfarre, yn 1905 rûzje mei de Wurdboekgearstalders, - hy hat der in brosjuere oer skreaun -, nimt syn ûntslach en sleept yn Hollân syn earmoedich bistean fuort. Yn it lêste oarlochsjier, op de 8ste jannewaris 1918, hawwe hy en syn frou har by Den Haech fordronken. Hân oan hân, sa waerden hja foun. In tige kundich mar ûnmaetskiplik minske. As der út dizze man kommen wie, hwat der yn siet oan kinnen en wollen, hwat soe Fryslân dêr mei bate west hawwe! As er syn wyldsin ris bidimme, syn libben, tinken en skriuwen mear ûnder de tucht steld hie, - mar hwa doar freegje, dêr't sa'n tragyk him de mûle stoppet? Hwat wied er net fan doel allegearre? Mar: ‘De hânnen sitte him boun troch in fijân, hwaens namme is Earmoed. Sont jierren lijende en stridende mei en ûnder dat diel fan 't folk, dat yn't stik fan tael syn learmaster west het, sil er, hopet er - hoewol by learden ûnbikend - by dat folk net forgetten reitsje, ek sonder dat er mear foar har tael dien het as ont nou ta. Mar hy sels sil dêr net mei foldien wêze’, skriuwt er yn 1892. Hy hat it oer alle boegen bisocht. As jong skoalmaster publisearret er al Frysk rym en ûnrym: gjin opfallend wurk, mar goed fan tael. De lytse boekjes, dy't er tusken 1885-'93 faek sels printsje liet en útsutele, (In bytsje út folle (Fryske rimen); Saun ris som, grappige teltsjes yn onrym, 1888; For sprekkers en lêzers, nije grappige teltsjes, 1888; Fen earder en letter, samle Frysce rimen, 1891; In domenijs hûsbisiik en oare grappige foardrachten, 1893; en faeks noch mear), litte syn talint al hwat mear útkomme, mar net rounom like dúdlik. Syn taelbihearsking, syn djip bigreatsjen mei alles hwat fortrape wurdt, syn waerm hert dat nei ljocht en myldens longeret, dat allegearre blykt dêr | |
[pagina 159]
| |
út, mar tagelyk ek, dat er mear nei it folk ta skriuwt as wol yn syn aerd leit. Yn it bondeltsje ‘Dêr Wie Ris...’ (Fryske mearkes, út 'e folksmûle opskreaun, 1893), mei fan de bêste folksforhalen dy't der yn it Frysk skreaun binne, en yn syn ‘Teltsjes fan Aldomke’, dy't rounom forspraet lizze, (fan útjefte yn boekfoarm, sa't it doel wie, is neat kommen; dat slagge de 19de ieuske skriuwers mar in inkelde kear), is er folle mear himsels. Folksskriuwerij is dit wurk, mar dan sûnder de wenstige prekerij of gekoanstekkerij, ûntstien út in persoanlikheit, dy't him djip mei de sljochtwei minsken forboun fielde, mar yn in eigen en hwat swiere humor ek wol fan distânsje wist. It meast en bêst hat Feitsma lykwols himsels jown yn syn wurk fan nei 1893, binammen yn syn rige sketsen ‘út 'e modder fan 'e maetskippij’ of ‘út it ryk fan de earmoed’ of ‘út de ûnderste lagen’, sa't er se sels bineamde. Hy hat se biwust, mei in bidoeling skreaun, oars hie er it net hawn oer ‘forhalen, hweryn de neakene wêzenlikheit (it réalisme) op 'e foargroun stiet’. Dúdlik fornimt men yn dit wurk (Forjit my net 1893, 1901, '06, '07, '08) de ynfloed fan de naturalistyske rjochting, sa't dy har yn de Frânske skriftekennisse fan de twade helte fan de 19de ieu oppenearre (Emile Zola) en sa't dy yn Hollân û.o. fan Van Deyssel ynhelle waerd. Dit naturalisme wol de werklikheit skerp obstrevearje en werjaen, siket ta elke priis de neakene wierheit en wol de greate fraechstikken, dy't de striid om it bistean opleveret, yn in libben forbân yn de kunst har plak jaen. Dêrby sjocht it de minske binammen as in biologysk produkt, in fuortbringsel fan erflikheit en formidden. Sil in skriuwer wurk fan bitsjutting jaen, dan moat er de maetskippij en fral de selskant dêrfan út 'e pin kenne. Dy't it ‘ynliedend wurd’ fan Feitsma yn F. m.n. 1893 lêst, fornimt daliks dat er mei dizze bigjinsels tige op 'e hichte is. Dochs is it gjin moadesucht, dy't him ta dizze nije produksje driuwt. De sketsen biwize, dat Feitsma yn dizze foarm ta syn earlikste utering komt; it is as kriget syn tragysk libben tsjin de ein hjir in sombere, wrede wjerklank. Ynderlik hecht forboun oan it kristlik leauwe as er wie, sjocht er de macht fan de sûnde; syn erflik moralisme rekket er ek hjir net kwyt. It is gjin literatuer sûnder wryt of slyt, dit proaza, mar it jowt faek in bysûndere biskriuwingskunst en de tael is yn har swierens en dregens ryk fan effekt. Fan it Fryske taeleigen wied er dôch in bûtengewoan bêst kenner. Dêr tsjûgje ek fan syn meiwurker-wêzen oan it Friesch Woordenboek, syn handich Frysk learboekje De vlugge Fries (1902) en syn teltsjes yn F. m.n. 1891-'92, dêr't er mei sin in mannichte fan idioom yn topas brocht hat. Hoewol der yn 1879 in algemiene stavering foarskreaun wie, brûkte hy yn de njoggentiger jierren in eigen stelsel; neffens him | |
[pagina 160]
| |
omdat dat ‘it neist komt oan de meast hearskjende uetspraek en fen de yn 't lezzen lilk steande luwdwizers sa min moêlk gebruwk makket’. Hy hat ek in list fan Fryske plante- en dierenammen opmakke en forskate opstellen oer Fryske skiednis skreaun. Foar de Bibeloersetting hat er fortsjinsten troch syn oersetting fan Joëls profesij (nea printe) en fan it Markus-evangeelje (1897). De opset om dêr sljochtwei folkstael foar to brûken, is hjir en dêr tige slagge, mar op oare plakken is er to fier gien (nammen as Japik, Barthele, Tewus en Teade). | |
6. Oersjoch en forbânMeidat it Frysk sûnt de 16de ieu út bistjûr, rjocht en wet, út ûnderwiis en tsjerke weirekke en njonkenlytsen yn de seis greatste stêdden ek net mear brûkt waerd, bleau it inkeld as folkstael en dan binammen as plattelânstael (boerefrysk of boersk, yn it Hollânsk ‘Landfries’) yn wêzen. Oan de iene kant wie dat in bihâld foar de gevens fan de tael, oan de oare kant ek krige dêrtroch alle Frysk wurk in iensidich folksaerdige ynslach. De renaissance-ynfloeden mei har falske forhearliking fan it lânlibben (arkadyske poëzij, pastorale), mar tagelyk mei har oanbidding fan it geleard forstân, wurken dat slim yn de hân. Doe't de adel en de hegerein it Frysk ek yn 'e steek lieten, sakke de sosiale wurdearring fan dy tael gâns en de faeije gefolgen dêrfan sjogge wy oan ús tiid ta, (byg. it Frysk is sa bot, is allinne gaedlik foar koartswyl, dou en stou binne ûnbileefd). Sûnt ieuwen moat rounom, dêr't it Frysk troch skriuwers op hwat heger plan brocht wurdt, der in fordigening by; de lêzers, Hollânske of Fryske, moatte fral net miene, dat it de skriuwer oan biskaving of talint ûntbrekt, of dat er net op 'e hichte fan syn tiid is. Yn ien as Gysbert Japiks libbet it folk jit sa sterk en is de persoanlikheit jit sa ûnskansearre, dat er syn dichterskip as in tsjûgenis stelt, mar it liket wol as hâldt hy it ek net fol op 'en dûr allinne yn dy iensume posysje to bliuwen. Jan Althuysen fielt de ellindige taeltastân ek suver oan, mar hy kin der mar in swak forwar foaroer sette. De Halbertsma's moatte net folle fan Hollân hawwe, oan har skerpe yntuysje leit it ek net, mar hja briefkje meast yn it Hollânsk, hâlde har suver alhiel bûten it Selskipswurk en binne fiersto greate yndividualisten om har folk ta de striid liede to kinnen. De Wassenbergh-skoalle en it dêr út fuortkommen Frysk Genoatskip steane ornaris frijhwat fier fan it sljochtwei folk ôf, mar dochs kriget har wittenskiplike of romantyske niget, likegoed as de Halbert- | |
[pagina 161]
| |
sma-skriuwerij, dêr wol syn weromslach.Ga naar voetnoot1) Hat Gysbert Japiks foar Posthumus, Salverda en Windsma wer in bisieljend foarbyld west, fan ‘De Lapekoer’ giet der in sterke oantrún út op de hyltyd tanimmende Fryske skriuwerij yn almanakken en lytse boekjes, net it minst ek op Harmen Sytstra. Lykwols, al docht dy syn hiele libben wol war, om ek folksskriuwer to wurden, dochs fynt er troch syn aerd en ûnder ynfloed fan Tiede Dykstra syn foarm better yn de romantyk. Op Waling Dykstra wurket dy streaming ek wol yn, - foarleafde foar leginden, folksforhalen en folklore, - mar al gau set hy him ta de produksje fan folkslektuer yn De Bijekoer, De Fryske Húsfreon, en aparte skriften. Dêrmei hat er syn dúdlik stimpel op de hiele folksskriuwerij setten. Dat stimpel is suver oan hjoeddedei ta werom to finen en tiden lang hawwe mar inkelden harsels der hielendal frij fan hâlde kinnen. Mear of minder sterke réaksjes op dizze slim iensidige en fangefolgen stomp rinnende skriuwerij foarmje de bondel ‘It Jonge Fryslân’ (1881) en de earste jiergongen fan Piter Jelles syn tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ to hea en to gers jildt dit foar it Selskipstydskrift Forjit my net, dat oanienwei ûnder goedwollende mar to swakke lieding stie. It wykblêd Sljucht en Rjucht waerd sûnt 1897 it foarnaemste plak fan utering foar de folksskriuwerij en bleau dat oant fier yn dizze ieu op. De neifolgers fan Waling Dykstra - der wiene wol safolle, dat der maklik fan in ‘skoalle’ sprutsen wurde kin - namen, sa't to forwachtsjen wie, faker de flaters as de deugden fan har foargonger oer. | |
7. Inkelde oarenIn wichtich ûnderdiel fan de folksskriuwerij wurdt sûnt likernôch 1860, doe't Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts der mei úteinset binne, foarme fan it foardrachte- en toanielwurk, (sjoch haedstik XI). Fierwei it greatste part is praktysk-ethysk fan ynstelling; it is tendins-wurk, propaganda-ark foar de frijsinnichheit, de arbeidersbiweging, de drankbistriding, it folksûnderwiis of it algemien stimrjocht. Oebele Stellingwerf (1848-1897), berne to Tsjom en forstoarn to Ljouwert, jierren | |
[pagina 162]
| |
lang redakteur fan it ‘Friesch Volksblad’, dêr't frijhwat Fryske skriuwers yn oan it wurd kamen, is in weardich fortsjintwurdiger fan dizze rjochting. Yn ien fan syn feuilleton-forhalen, ‘Hoe't de nije domeny en mâlle Thys elkoarren bikearden’, lit er de haedpersoan sizze: ‘Ik haw Waling Dykstra wolris heard, dat ik by my sels tocht: sa moasten nou eigenlik de domeny's preekje’, en dêrmei is de bidoeling fan dizze skriuwerij ridlik goed werjown. As jong skoalmaster blyn wurden, bigoun er yn 1876 mei syn oantroude omke Waling Dykstra de útjefte fan it Friesch Volksblad; doe't dat letter hyltyd mear yn de polityk tolânne kaem, hat de lêste him bigjin 1883 weromlutsen. Doe wie Stellingwerf krekt troud en syn frou, de warbere en kundige Geertruida Christina Stellingwerf - Jentink (1852 Nijlân-1918 Ljouwert) hat neitiid jierren mei him de redaksje fierd. Beide strieden hja mei greate persoanlike oerjefte foar sosiale rjochtfeardichheit en polityk radikalisme, beide lieten har Frysksinnigens klear en trou blike. Syn fortsjinsten foar it Frysk toaniel en as prozaïst binne net lyts; yn har wurk giet it om de tendins, it boadskip, de maetskiplike omfoarming. Hja hat tsientallen Fryske feuilletons skreaun; allegearre yn de trant fan: Hwerom Rinkje nei de thé gjin slokje ha woe; Hwat de gefolgen fan de Ljouwerter merke wiene; Hoe't frelle Petronelle mei de ‘mindere’ stân yn kennis kaem. In ‘tsjûger’, ek fol idealisme en fol fan it nije ljocht, is Johannes D. Baarda (1836 Ljouwert-1903), dy't ek ûnder de skûlnammen Simen Aukes en Johannes skreaun hat. As skriuwer wied er fral warber yn de jierren 1858-'65; hy hat wol aerdige fersen makke, mar it measte is ûnryp. Mei in freon (Friso) hat er yn 1862-'64 twa dieltsjes útjown fan ‘De Folksfrieun, in Fryske reizger troch it Fryske lân’. Syn novelle ‘In profeet în sîn eigen lân’ (1863) soe lang net min wêze, as dy net sa stiiffol troppe wie mei alle mooglike forljochtings-idéën. As tiidsbyld is it lykwols de muoite fan it lêzen tige wurdich. Better as al dit earnstige wurk is faek it satiryske. Foar de ûntlading fan it revolúsjonaire gefoel, - en dat siet der yn de tachtiger jierren yn Fryslân gâns, sawol yn it maetskiplike as yn it tsjerklike, - wiene spot en irony gauris de gaedlikste middels. Al dy lytse boekjes (Soldate-brieven; Brieven fan in Skutter; Hoe de timmerfeinten fan baes Wibe forheging fan lean krigen; As de hearen it hawwe to witten; ensfh.) hawwe de wei foar de sosialistyske biweging yn Fryslân mei sljochte. In typysk en soms kostlik staeltsje fan dit soarte wurk jowt de ‘Katechismus fan de leare der wierheit, dêr't boer Pibe syn lytsfeint yn ûnderrjochte’ (1878) fan Jentsje Sytema (1824 Grou-1885 Haulerwyk), in soan fan in skipper dy't letter boer waerd en sels ek gnierker. Hy hat in skoft winterjounenocht jown (û.o. mei Auke Boonemmer) en makke | |
[pagina 163]
| |
dêrta simmerdeis ûnder it wurk de stikken klear, dy't lang net allegearre útjown binne. De ‘Katechismus’ lit sjen, dat hy syn each skerp oefene hat yn it kritysk skôgjen fan minskene lek en brek; hy is iensidich, hy oerdriuwt, hy stjûrt suver op it anarchisme oan, mar binne dat net de eigenskippen fan in goed satirikus? Hjir is yn alle gefallen de tiidskrityk yn in frisse, geastige en folksaerdige foarm set. Fansels is al dit wurk in ‘hymne op liberaliteit’, sa't Hjerre van der Veen ris ien fan syn rymstikken neamde; fierwei it measte hat fan dy foaropsette bidoeling to lijen hawn, hwat syn skriftekundige wearde oanbilange. Klear is dat to sjen yn it fortelwurk fan Jan S. van der Steegh, (1831 Jirnsum-1882 Snits; bakker en concierge, in apart en ûngeduerich man). In great part fan dit proaza is nei syn dea troch Stellingwerf útjown yn in tsjokke bondel ‘In Oantinken’ (1884). Flot en ienfaldich fortelt er yn suvere folkstael, kiest foaral de orthodoksy ta doelwyt, jowt dúdlik utering oan it geastlik libben fan it ‘foarútstribjend folksdiel’ fan syn dagen en docht dat ek net sûnder koartswyl en irony, ja, sels de karaktertekening liket net sa min. Dochs is er op en út sedepreker, wylst dûmny's fansels oars net binne as slûchslimme forrifelders; dochs lit er deugd en wysheit yn dit libben altyd har bileanning fine, wylst it kwea grif op ûngelok of straf útrint. It is net altyd sa, dat de histoarje alhiel bûten it eachweid fan de folksskriuwers falt. De 19de ieu is de tiid fan de histoaryske forhalen en dêr is yn Fryslân ek net in bytsje mei pield. Al is er grif net bûten de ynfloed fan de Iduna-skoalle bleaun, dochs heart Douwe Hansma (1812 Dokkum-1891 Snits; tekenlearaer en portretskilder) yn dit haedstik thús. Hy wie ien fan de oprjochters fan it Frysk Selskip en hat mear as fjirtich jier lang forskate tsientallen bydragen oan de tiidwurkjes levere: in stikmannich ferskes, mar meast proaza. It is allegearre wakker gelyk wurk, sûnder folle forheffing of oarspronklikens, hwat toar, evenredich en braef; yn de biskriuwingskunst, it werjaen fan uterlike sfear, birikt er jit it meast. It binne hast altyd de bikende motiven, dy't er ûnder hannen nimt: frijerij, houlik, alderleafde, jild, maetskiplike deugden. Giet er tobek yn it forline, dan sjocht er dat gauris idyllysk: hy fornimt de efterútgong yn it hjoed en fielt de plicht troch syn skriuwerij mei to wurkjen oan de seedlike forbettering. Dêrom klaeit er neffens eigen wurden syn teltsjes yn as ‘in trochgeande learinge en redenearinge’. Hy docht dat hwat mylder as Waling-om en syn maten; satirysk is er hielendal net. Mei Waling Dykstra hat er twa bondeltsjes sechjes en teltsjes útjown (1863-'65) en fan syn talrike novellen binne der ek in stikmannich apart yn it ljocht kommen. It sljochte neimieljen fan it deistich libben is to finen yn: Uwnk in Lok (1856, bikroand antwurd op in Selskipspriisfrage, lekket de úthuzigens); | |
[pagina 164]
| |
Ien bult as ien heal kynsen (1857, út it libben fan in breklik minske); In Moandeis-reiske mei Ulbe fen Peasens (1865), Ek fan de twa histoaryske novellen (Sippe Scheltema, 1872, oer de Dokkumer fury yn 1572; In ûnlyige tîd to Snits, 1874) is net folle goed of kwea to sizzen. Mei Hansma to forgelykjen is Japik Asman (1833 Akkrum-1902 Terherne; skuonmakker, skearbaes en winkelman), in wees dy't muoite hie troch de tiid to kommen en op syn âlde dei der hwat socht by to fortsjinjen, nei't er in greate húshâlding opbrocht hie. Hy hat doe yn de njoggentiger jierren gâns hwat ôfskreaun, proaza fan twaderlei soarte: histoarysk-romantyske forhalen en greate sketsen út it folkslibben, fral dat fan syn neiste omkriten. It is aerdige (mar nou hwat âldfrinzige) folkslektuer en as sadanich yndertiid wol wurdearre. Apart útjown binne: Reinder en Antsje (1891), De Noarske fiskersjonge (1891), beide oer it Terhernster skipperslibben fan foarhinne; Wraek en ljeafde (1892, Fryslân yn de 15de ieu); Odo Bothnia (1893, Fryslân yn de 10de ieu). As trêdde moat yn dit forbân neamd wurde Piter Bleeksma (1821 Roardhuzum-1897 Sint-Nyk), in skoalmaster, dy't ek mei it jaen fan winterjounenocht pield hat, Hy hat gâns rymkes, foardrachten, proaza en in toanielstik skreaun; syn wichtichste wurk is lykwols ‘Marten Clant, ef de swerveling fan Boxum’ (1870). Der sit yn dizze lytse histoaryske roman grif in fiks poarsje spanning, mar de opset is hwat guodkeap, de sensaesje hwat al to bjusterbaerlik en de sielkundige tekening of hwat dêr foar trochgean moat, is ûnforantwurde. In greate histoaryske skôging moat men yn it wurk fan Hansma, Asman en Bleeksma net sykje; hja forplakke almeast it eigen binypt formidden en it 19de ieuske tinken yn it forline. Folút romantikus binne hja ek net.Ga naar voetnoot1) De fortsjinsten fan de Waling-Dykstra-skoalle, it suverhâlden fan de skriuwtael troch in krêftige biynfloeding út de folkstael wei, en de krekte biskriuwing fan it folkslibben, sa't him dat oan in liberael minske fan de 19de ieu foardie, moat men harren wol takenne. Op dit plak heart ek Japik Hepkema (1845 Aldeskoat-1919 Ljouwert; boeresoan, skoalmaster, útjower fan de ‘Hepkema's krante’), om't yn him de niget oan it forline en de leafde foar it hjoed sa klear sprekke. Hy is gjin great skriuwer of gelearde, allinne mar in man fan de praktyk en fan it soun forstân en as sadanich in fijân fan alle radika- | |
[pagina 165]
| |
lisme; hy hat lykwols foar de Fryske journalistyk, de skiednis fan de Fryske skriftekennisse en de folks- en geakunde greate fortsjinsten. Hy hat in stik as fiif toanielstikken skreaun, dêr't er de libbensfragen fan syn tiid yn bihannele, fierder foardrachten, gâns gelegenheitswurk, en in brosjuere ‘Hâld op, jonges!’, dêr't er sines yn sei oer de pinnestriid Piter Jelles-Lútzen Wagenaar. Faek skreau er anonym of ûnder skûlnamme (Watse Watses, Doitse Sibbles fen Warstiens, Gabe fen Grouergea, Donia, Frisius, ensfh.). Graech mocht er de Fryske wittenskip popularisearje en syn skriften oer it Frysk yn de 17de ieu, oer Eeltsje Halbertsma en oer it Fryske lân en folk (fral ‘Eenvoudige Memories en Bemerkingen’) binne ek nou jit skoan to lêzen. Ek Wynsen Faber (1830 Arum-1918 Pitersbierrum; skoalmaster) is likegoed yn de Iduna-skoalle as yn dit haedstik op syn plak. Syn wurk is spitigernôch nea sammele en dêrom is er to min achtslein. Tsjibbe Gearts, dy't him ‘de dichter yn wierheit en natuer’ neamde, sei yn 1875 al fan him: ‘Hy stiet neijer ta de Walhalla, as de measte Fryske dichters, dy greater fjild bisiedde of lûder roppen hawwe!’ En yn in treflik huldefers op Faber syn 80ste jierdei dichte Gerben Postma: ‘Printen jy gjin boeken, folyanten, O, men hat wol pearels foun, En jou sang sa sljuerkjend, roun, En sa soun Wier ús wol: 't skeat goe sied, dêr't jy planten.’ De biskiedene, trouwe wurker, in dreech kenner fan it Frysk, joech as jongfeint yn Iduna al bliken fan syn talint en publisearre sechstich jier letter jit yn Forjit my net en Sljucht en Rjucht. It greatste part fan syn stikken is stimmich, glêshelder en oarspronklik; graech brûkt er it stêfrym en yn it koartdicht (‘Kladtsjes’) is er in master. De Fryske skiednis wied er tige yn thús en in histoarjefers as ‘Ats Bonninga’ is jit skoan to lêzen. Didaktysk dichter neffens oanliz (gelegenheitsdicht), is er yn al syn wurk hiel hwat mânsk op it stik fan swietlûdigens en rykdom fan tael en fersifikaesje. Ta de frijwol op harsels steande skriuwers, dy't yn de lange rige lytsere goaden fan it tiidrek 1860-1914 der gâns útkippe, heart ek dr. Lucius Columba Murray Bakker (1822 Peinjum-1911 Huzum). Hy moat jit les hawn hawwe fan master Salverda fan Wûns, waerd dokter, is nea troud, wie in great kenner fan it Latyn en hat meiarbeide oan it Friesch Woordenboek. Syn dichtwurk omfiemet mar in frij lyts tal fersen, mar oertsjûget fan syn dichterskip; it is meast poëzij fan natuerwille en libbensgeniet. Hy hat ek in ridlik goede oersetting jown fan in great part fan Goethe's Faust (earste diel), ôfprinte yn Forjit my net 1878 en 1880 en apart yn Preaukes, 1881. As in oergongsfiguer nei it twade tiidrek fan de Fryske romantyk kin Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914, Twizel) jilde, de boer dy't al gau mei buorkjen ophâldde, de swalker, reizger, natuerleafhabber en | |
[pagina 166]
| |
stúdzjeman, de heit fan Simke Kloosterman. Hy hat altyd op himsels stien, iensume en ienkennige figuer as er wie. Yn syn bondels fersen (Frysce Wâldblomkes, 1883; Finneblomkes, 1907; Fryske Stikken, 1912) joech er wurk fan in eigen soarte. Heechfleanend dichterlik is it net, earder biskôgjend, riddenearjend. Fieling en foarm fine elkoar mar min; dêrtroch wurdt dizze poëzij hwat evenredich, forstânlik en eptich, steatlik faek en soms op it stive en ûnbihelperige ôf. Lyk as by Faber, nimt de godstsjinstige oertinking in great plak yn, mar it bilibjen fan de natuer giet der hjir lyk mei op. Yn it gelegenheitsdicht, yn it leardicht en yn de natuerskildering birikt er wol it meast. Tsien jier nei Colmjon syn rede, yn it bigjin fan dit haedstik oanhelle, seit in oar Frysk skriuwer, Sjouke Hylkes Hylkema (1852-1922), man fan foardrachten en toaniel: ‘O! njuggentsiende ieu! - ieu fen forútgong en biskavinge - dou wirdste priisge, romme, troch dichters bisongen, mar ús neiteam scil fen dy sizze, datstou yn in hele bulte dingen in appel wierste, mei moaije reade bliere wankjes, mar fen binnen troch rûpen fornield en tofretten’. Mei men dit oardiel fan in gewoan folksskriuwer ek oer de hiele folksskriuwerij fan dit tiidrek gean litte? Ja, ynsafier dizze skriften mar komselden wider útsjoch iepenje, boppe de tiid útkomme, of de neiteam bisielje kinne. Né, ynsafier Fryslân ek hjir in diel fan syn wêzen wjerspegele fynt, ynsafier de trou en warberheit fan dizze skriuwers steane ta biskamsumens fan folle romantici, en dit hiele skriftendom yn lytse forhâldingen dochs hinnewiist nei de greate funksje fan de literatuer: tsjinst oan de naesje en dêryn oan de minskheit. | |
Neisjen:By 2. Oer Waling Dykstra: Wumkes, Bodders, s. 580-606; Paden II, sjoch register, fral s. 130-133; E.B. Folkertsma, Toer en Tsjerke, s. 250; J.J. Hof, It Heitelân, jg. 1947, s. 52, 77, 105. - Oersjoch oer libben en wurk: J.W. Dykstra, Waling Dykstra, 1949, (hwat rûch en ûnkritysk, mar mei folle materiael). Wichtich is ek W.D. syn ynlieding by ‘Wintergrien’, 1886. By 3. Oer Tsjibbe Gearts van der Meulen: O.H. Sytstra, Ynlieding ‘Ald en Nij’; Bodders, s. 614-632; Paden II, sjoch register; dr. G. Gosses, Twee Friesche klassieken in hun jeugdwerk, De Gids, 1929; deselde, De Frjeonskip by Tsj. G.v.d.M., Fr. Stud. Almenak, 1933, s. 77; prof. dr. J.H. Brouwer, Tsj. G.v.d.M., It Heitelân, jg. 1956, s. 46; deselde, Opstân yn 'e Burgumer krite, It Heitelân, jg. 1956, s. 103; J.J. Hof, oer Tsj. G., Fjirtich Jier Taelstriid, I, 260-283. By 4. Oer Auke Boonemmer: R.W. Canne, biografy (mei autobiografy), Swanneblommen, 1919. By 5. Oer Sake K. Feitsma: Wumkes, Paden II, s. 427-440. | |
[pagina 167]
| |
By 7. Oer O. Stellingwerf en G.C. St.-Jentink: ds. J.J. Kalma, Oebele Stellingwerf, 1940; M. Braaksma, Ynlieding by ‘Hwerom Rinkje ensfh.’, 1941. Boalserter Neiprintingen, nr. 2. Oer Joh. D. Baavda: J.J. Hornstra Gs. yn Fryslân, 1929, s. 179. Oer Jentsje Sytema: deselde, Fryslân, 1929, s. 161; Wumkes, Bodders, s. 569-579. Oer Jan S.v.d. Steegh: Ynlieding O. Stellingwerf, In Oantinken; G. Postma, Sljucht en Rjucht, jg. 1917, s. 85, 97. Oer D. Hansma: Hornstra, Fryslân, 1932, s. 8; Bodders, s. 600; Paden II, 307-319. Oer J. Asman: Wumkes, It Heitelân, 1920, s. 466, ek yn Bodders, s. 601. Oer P. Bleeksma: Hornstra, Fryslân, 1931, s. 145. Oer J. Hepkema: J.J. Hof, Swanneblommen, 1920, (mei bibliografy). Oer W. Faber: G. Postma, Sljucht en Rjucht, 1910, s. 367, 369, 374; Hornstra, Fryslân, 1931, s. 17; Earefrissel for master W. Faber, 1910. Oer L.C. Murray Bakker: Hornstra, Fryslân, 1928, s. 97; Wumkes, It Beaken, I, s. 51. Oer J.R. Kloosterman: G. Postma, Forjit my net, 1914; R.W. Canne, It Heitelân, 1926; dr. D. Kalma, Frysk Jierboek 1941, s. 36; dr. Y. Poortinga, De Tsjerne 1956, s. 338. Yn dr. D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse fen 1876-1897, (1939), is sawol ynlieding ta as karlêzing fan de folgjende figueren út dit haedstik to finen: W. Dykstra, Tsj. G.v.d. Meulen, L.C. Murray Bakker, J.R. Kloosterman, O. Stellingwerf, G.C. St.-Jentink, S.K. Feitsma. Yn it tydskrift Fryslân, jg. 1928-'32, hat J.J. Hornstra Gs. (1856-1932) fan in great tal skriuwers út de 19de ieu koarte oantekeningen oer har libben, in priuwke út har wurk en in list fan har bydragen jown; fortsjinstlik, mar net altyd krekt en folslein. Hjir folgje de skriuwers, dy't by him al en yn dit boek net bihannele binne: Fryslân, 1928: dr. Jan Dirk Schepers, s. 81; Age Johannes Snoek, s. 113; Heart Piters de Jong, s. 129; Sibe Jeips Hoekstra, s. 145; Sytse Sytses Smeding, s. 161, 177; Hindrik Linses de Jong, s. 177. Fryslân, 1929: Thomas Jans Bonnema, s. 1; Corn. Douwes v.d. Weg, s. 17; Gerrit Tiemersma Hsn, s. 33; Sjouke Hylkes Hylkema, s. 49; Alle Jans Smeding, s. 65. Fryslân, 1931: A. Meter Ps., s. 17. |
|