Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 104]
| |
1. Algemien oersjochTidens en nei de Frânske Revolúsje wie rounom yn Jeropa it nasionale fielen en dêrmei in djipper histoarysk bisef wekker wurden, in forskynsel dat him it dúdlikst yn de skriftekennisse oppenearre. Yn Dútsklân sammelen, fuort nei de ieukear al, de bruorren Grimm de mearkes, Arnim-Brentano joegen it forneamde bondeltsje folkslieten ‘Des Knaben Wunderhorn’ út, in oar brocht de âlde folksboeken fan Thyl Ulespegel, dokter Faust e.o. yn it ljocht, wylst mannen as Arndt en fral Fichte mei syn ‘Reden an die deutsche Nation’ de slûge folksgeast nij libben bisochten yn to bliezen. Hebel syn samling ‘Allemannische Gedichte’ woun greate ynfloed, forskate skriuwers joegen novellen, dy't hjoeddedei de lêzers jit bitsjoene troch har forbining fan hertstocht, mystearje en poëzij, en Uhland skreau syn romantyske balladen. De Dútske romantyk hat ek oan de widze fan de Deenske stien: Adam Oehlenschläger skriuwt fuort nei 1800 al syn balladen en romances, N.S.F. Grundtvig wurdt fan de noardske mythology grepen en bisiket ta in bifruchtsjen oer en wer fan folksskiednis en kristlik leauwe to kommen, S. Kierkegaard is foar altyd de eksemplaryske fortsjint-wurdiger fan de religieuze romantyk. Yn 1825 forskine Andersen syn mearkes, yn Sweden hat Erik Gustaf Geijer fan 1811-'24 it tydskrift Iduna útjown ‘foar de leafhabbers fan de Noardske foartiid’, om dêrmei it folksaerd to forsterkjen, ek yn de skriftekennisse, dy't neffens him fierstofolle ûnder Franske ynfloed stie. It is de tiid fan it Skandinavisme, jierren fan swide bloei yn de literatuer. Yn Frankryk binne Chateaubriand en Victor Hugo de herauten fan de romantyske streaming en Ingelân bliuwt alderminst binefter. Skotlân lit syn machtich lûd hearre mei de Ossian-sangen en de histoaryske romans fan Walter Scott e.o.; Wordsworth, Byron en Coleridge brekke in gefoelswrâld iepen, dy't net maklik wer tichtskoattele wurde kin. Yn Hollân wurdt dat allegearre let en stadich yn frij boargerlike styl hwat neibaud; Helmers syn ‘bardenzangen’, Tollens syn ‘vaderlandsche romances’, Van Lennep syn handige mar ûndjippe Scott-neifolging biwize dat, al litte Bilderdijk, Potgieter en Bosboom-Toussaint gâns swierder, gever en earliker lûden hearre. Flaenderen forstiet de weitsrop better, liket it wol; it lit him út syn sliep fan in pear ieuwen opskrilje troch it krewearjen fan Jan Frans Willems en de bazúnstjit fan Conscience, | |
[pagina 105]
| |
(De Leeuw van Vlaanderen, 1838). En tagelyk wurdt op forskate plakken yn Jeropa in libbene taelstriid berne. Yn Ierlân en yn Grikelân, yn Finlân (de Kalewala is fan 1835- '40) en by de Rhaeto-Romanen. Yn Noarwegen wurdt de striid tsjin it fornoarske Deensk (it ‘riksmaal’) oanboun; dêr slagget it de geniale boer Ivar Aasen út forskate boeredialekten in selsstannige Noarske tael op to bouwen (it ‘landsmaal’). Meidat it klassisisme nou wol oerwoun is, wurdt it wêzensforskil tusken germaensk en romaensk de germaenske folken ek mear biwust; figueren út de noardske mythology treffe wy fuortoan folle mear yn de literatuer oan as Grykske en Romeinske goaden en goadinnen. It greate ûnderskied, dat yn de tiden fan de renaissance ûntstien wie tusken de folkslektuer en de skriftlike uteringen fan yntellektuele kultuer, wurdt folle lytser. Under it folk wurdt gâns mear lêzen as foarhinne en it is de skriuwers har doel ek, foar safolle mooglik minsken to skriuwen. Dit allegearre giet Fryslân net foarby; it leit yn 'e reden dat dizze biweging de emosionele Fryske siele sterk oansprekt. By Wassen-bergh en syn skoalle bigjint it al to risseljen, yn it Ljouwerter ‘taal-, geschied- en dichtkundig genootschap Constanter’ (in foargongerke fan it Frysk Genoatskip) oppenearret it him ek dúdlik en yn it Frysk Jierboekje (1829-'35) en de Friesche Volksalmanak (1836-'99) komt it ta in bigjin fan bloei. De forheljende poëzij rekket hjir ek yn de moade en der ûntstiet suver in kriich mei Hollân om de eigen helten út de histoarje yn hyltyd moaijer wurden to bisjongen. In Fryske kronyk lyk as It Aade Friesche Terp fan Joh. Hilarides út 1677, wurdt jit yn 1834 yn Ljouwert werprinte. Fan 1824-'28 hiene H.W.C.A. Visser en H. Amersfoordt al trije stikken útjown fan it ‘Archief voor vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis’ en yn de fearnsieu nei 1835 soarget it Frysk Genoatskip dat der forskate wichtige skiednisboarnen yn it ljocht komme (û.o. Thet Freske Riim, Worp van Thabor, Jancko Douwama). Fan 1842-'51 forskine der mar efkes fjouwer folkslêsboeken oer de Fryske skiednis: trije, dy't yn't bysûnder foar de skoalle ornearre binne (F. Dykstra, H.W. Steenstra - in foech tûzen siden, - B. van Bruggen) en ien, dat fan W. Eekhoff, foar de âlderen. It radikaelst en djipst lykwols uteret dizze biweging har, faek biwust foar de hegerein en de âlderein oer, by de jongerein. De stifting fan it Frysk Selskip yn 1844, uterlik fan weinich oansjen, is in died fan fierrikkende geastlike bitsjutting. Tiede Dykstra is hjir sawol de organisearjende as de ynspirearjende krêft; hy wit gâns los to meitsjen. Harmen Sytstra is de man fan de dichterlike, hast profetyske skôging; hy libbet mear ynstinktyf út it folkswêzen sels wei, as út in bigryp, | |
[pagina 106]
| |
in romantyske theory dêrfan. Jac. van Loon is de synthetyske, praktyske figuer, dy't mei beide fuotten op de groun bliuwt en dêr folle wit to biskreppen. De ynfloed fan dizze trije mannen sprekt it klearst yn Colmjon, al is it yn mear dimmene en net sokke kantige foarmen. Mar ek yn gâns oaren wurdt de trochwurking fan har tinzen iepenbier; dat ek in Jongfryske biweging fan 1915 har op dizze foargongers biroppe koe, is in biwiis foar de fisy en de libbenskrêft dy't har yn it stribjen fan 1844 oppenearre hawwe. De moed, it wide eachweid, de spontanens, it krigel úthâlden, mar fral de eigene, yngeande forbining fan Frysk en romantysk libbensgefoel, jowe it folste rjocht om dit tiidrek (pl.m. 1840-'60) as dat fan de Fryske romantyk oan to tsjutten. | |
2. T.R. Dykstra en J. van Loon Jsn.Tiede Roelofs Dykstra (25 april 1820-29 maeije 1862), in Ljouwerter keapmanssoan, is iennichst bern, net sterk en pielt yn syn jonge jierren mear mei learen as boartsjen. Hy giet op de Frânske en Latynske skoalle en lesjowers as J.D. Ankringa en J.G. Ottema, beide Genoat-skipsmannen, sille him grif tichter by Fryslân brocht hawwe. Yn 1839 slagget er nei it weikwinende Frjentsjerter Athenaeum; yn studinte-forieningen is er gau in foaroansteande persoan en dêr skout er it Frysk ek al nei foaren, dêrby holpen fan syn maet Van Loon. Yn 1841 rekket er yn briefforkear mei Harmen Sytstra, dy't dan krekt syn earst Frysk wurk útjown hat; in geve freonskip en in bigripen en biynfloedzjen oer en wer is dêr it gefolch fan. Novimber 1842, as de dea fan de Frjentsjerter hegeskoalle al wankt, giet er nei Grins en studearret letteren en rjochten. Hy mei der net wêze, hâldt der nei syn heite dea mei op en set him yn Ljouwert nei wenjen; hjir ûnthjit er Sytstra en Van Loon, dat er fuortoan syn stúdzje útslutend oan de Fryske tael en skiednis wije sil. Romantyske ûnfoldienens en opstannigens meitsje, dat er him tonearsten mar min yn it boargerlike libben deljaen kin. Hy trout en jowt yn Ljouwert privaetlessen yn de âlde talen; yn 1858 wurdt er archivaris-bibletekaris fan Fryslân. Yn syn húshâlding hat er gâns mei sykte to kampen; yn 1862 reitsje syn wiif en hy gau opinoar wei, acht bern bliuwe oer. In koart libben, dat gjin folsleine forfolling fan it ûnthjit brocht, mar dat yn syn ûnfolsleinens dochs in kristallisaesje fan de tiid wie. Fan syn aerd is er stiif en noartlik yn it oankommen, mar earlik en meilydsum. Fral yn syn feintejierren is er ûnrêstich en anti-maetskiplik, yn de trant fan Byron, dy't er doe ek folle lêzen hat. Yn syn gods- | |
[pagina 107]
| |
tsjinstige, seedlike en politike tinkbylden bliuwt er syn libben lang radikael; hy hatet alle offisjeel fortoan, amtnerij en absolutisme en it kin jin gjin nij dwaen, dat der foar him warskôge wurdt as in atheïst en opstannich liberael Hoffmann von Fallersleben, de Dútske revolúsjonaire dichter, en Thorbecke, biynfloedzje him sterk. Yn syn proaza komt de krêft fan syn fielen en tinken dúdlik út, mar ûnbiskromme en bytiden yn felle rounutens jowt er him dochs binammen yn syn poëzij. Sa biwurket er it fers ‘De lêste Kamper’ fan Geijer, dat yn de Sweedske Iduna stien hie, mei sa'n sterk ynlibjen, dat jin in djippe mankelikens yn dizze forbylding fan it stjerrende heidendom suggerearre wurdt. Nearne lykwols komt dat klearder út as yn it krêftige ‘Oan 't Noarderhêf’ (Swanneblommen 1853). Hjir is er Fries, Germaen, minske fan de Noardsé yn ieren en sinen, mar ek heiden. ‘Wîs 't fulk, fon godsthianstthwang end blînd geloaf Hûnd, skeind, to gniede, dîlge scoe fon d'ierd!’ ropt er út en jit sterker oanklachten lit er dêrop folgje. As er it oer ‘Hollonds bastertteam’ hat, tekenet er der by oan: ‘Hia kenne nen ôfkumste fon en alde stamme biwise. Se forskûlje hiar efter Batavieren, end thenke er naut um, det dá în da Frieson forraend benne. Se skermje mei hiar sprake, der eindum is fon en oar fulk, fon da Flamingon.’ Dat dit allegearre gjin dichterlike oerdwealskens is, biwiist de stifting fan it Frysk selskip wol; dêrmei hat Dykstra de earste organisa-toaryske died fan forset tsjin alle frjemdsin en ûnfrijens steld. Dy stifting is winlik hielendal syn wurk. Foarjier 1843 skreau er al oan Harmen Sytstra: ‘Wy hawwe nou wol ien Genootschap voor Geschied - taelen Oudheidkunde, dear binne rjue fiksche koppen oender mar mei al hjar redenaties dogge hja nin byt of to minsten ien lyts bytsje oan us jinwirdich friesk.’ En ek: ‘Wy moesten sjen om ien stik fiif, seis, aef kin dat net, ien stik trije fjouwer frieske jonges by-n-oar to krijen dy't it herte op it rjuchte pleats sit, net al to folle wyn yn 'e holle en whet foar't Heitelan oer hawwe’ en ‘wy moasten der gjin alde kerels by hawwe.’ In jier letter skriuwt er oan deselde: ‘Nou haw ik itselde what oars bitocht om by alle Friezen en bynammen by hjar dy't net folle fan uws tael ofwitte ien feste dyk op to arbeidsjen tsjin de hege floeden fen 't Hollans.’ Sneon de 14de fan septimbermoanne wurdt yn Ljouwert de oprjochtingsgearkomste hâlden; fjirtsjin lju hawwe har opjown, dêr't seis fan oanwêzich binne. Al gau wreidet it ledetal fan it ‘Selscip foar Frysce tael in Scriftenkinnisse’ him út; tsien jier letter is it ryklik 150 en dêr sahwat bliuwt it ek tiden lang sitten. Mar sawol yn it organisa-toaryske as yn it geastlike wurde de swetten dan gâns útlein. It mei lyts en ûnbilangryk lykje, dit selskip, mar de Fryske literatuer en de Fryske striid fan nei 1844 binne der net mear sûnder to tinken. | |
[pagina 108]
| |
Oan dy tiid ta wie it altyd by in dichterlik tsjûgjen studearkeamer-bisykjen of persoanlik krewearjen bleaun, mar dizze jongkeardels doare meiinoar de striid foar én tsjin it eigen folk oan. Yn 1849, as Dykstra oan Woarp van Peyma in brief stjûrt, dêr't er him yn oantrunet by syn mei-lânforhuzers yn Amearika de Fryske sin wekker to hâlden, jowt er de doelstelling dúdlik oan: ‘De geast fen uws Selscip in it kin in mat net oars waeze, is om elts fonkjen dat yette oerblieun is foar de Frysce tael in de Scriften, dy deryn screaun binne in wirde, gleaun to halden in oan to bliezen. Wy hawwe de sprake net forgetten, wy kinne se net forjitte, dy it alde Frye Fryslân yn sîn alde greatens spriek. Wy kinne it net forneare dat in oaren ien dy fordrieuwe scil, sonder dat men tominsten jen foar hjar to war steld hat. Derom siekje wy dy tael to stypjen, derom siekje wy it frysce hert oan't klopjen to helpen, de frysce geast uwt it dodsjen op to roppen, om de fries kreftich in stoer allyk in dregen ien heart to wezen oan't foarstan to bringen, dat hy himsels kinne in sîn tael net sceine litte mat fen hjar, der him noch hjar bigripe.’ Sa'n lûd kin gjin provinsjalisme mear hjitte, mar is de libbene stim fan de naesje. Dêrop wiist ek it oanhâldend birop op in greater Fryslân. J.H. Halbertsma, M. de Haan Hettema en R. Posthumus hiene al har omtinken oan East- en Noard-Fryslân jown of dêr reizen hinne makke, nou bisykje ek de selskipsmannen der yn har skriften bilangstelling foar wekker to meitsjen en yn har briefwiksel forbining mei to krijen. Fierder is der de aksje foar it Frysk as kultuertael - redefieringen, brieven, wetten of karbrieven, sangen - en dan is der de saek fan de folksopfieding. Hja witte it ommers sa goed: It Fryske folk lit him mar swier winne en yn sa'n tastân fan forbastering is it fuort net oan de drege spizen ta. As skriuwer hat Tiede Dykstra net sa bare folle jown: hy is mear lieder (oan syn dea ta selskipsfoarsitter), fjûroansetter, plannemakker. Syn ‘Foarjiers-blomkes, of ytlike minne-rymkes’ (1840) is in lyts bondeltsje mei jong en ûnhandich wurk, sympathyk yn syn ienfâld. Twa jier letter jowt er mei Harmen Sytstra ‘Frieske Sankjes’ út, seis folksrimen dy't songen wurde kinne. Yn it Nederlânsk sette er J.W. Wolf syn ‘Niederländische Sagen’ oer en folle letter ‘Bazar eens dichters’ fan H.C. AndersenGa naar voetnoot1). Knap wurk joech er mei syn forfrysking fan in | |
[pagina 109]
| |
stikmannich ‘Allemannische Gedichte’ fan Hebel, de Schwabyske folksskriuwer dy't der by de Halbertsma's (Heidelberg!) ek al sa goed ynfallen wie. Fan 1847-'49 is Dykstra redakteur fan it jierboekje ‘De Bijekoer’, it jiers dêrop wurdt er samler fan de ‘Swanneblommen’, it jierboekje dat it Selskip fan 1850-1916 útjown hat, en sûnt 1857 hat er ek de ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’ op 'e noed. Hy skriuwt foarwurden by Fryske boekjes, helpt Waling Dykstra by dy syn populaire Gysbert Japiks-útjefte, sammelt stof foar in Frysk Wurdboek en in Fryske sêgesamling, set brokstikken út it âlde epos de ‘Kudrun’ yn it Frysk oer, makket by syn learlingen (Joh. Winkler, G. Colmjon e.o.) leafde foar it Frysk wekker, ûnderhâldt in drok brieveforkear en is sa op alderhanne wize dwaende. In goede gearfetting fan hwat him dreau, hat er yn syn lêzing ‘De wearde fen de fryske tael for de friezen’ jown. (Forjit my net, 10de boek, 1880, s. 149-171).
De bitsjutting fan Jacobus van Loon Janssoan (1821-1903) leit yn itselde flak as Dykstra sines, dy syn maet er fan bern ôf wie, hwaens libbensbiskriuwer hy waerd en dêr't er de opfolger fan wurden is as selskipsfoarsitter. Berne to Sint-Anne as notarissoan, studearre er yn Ljouwert en Frjentsjer, makke syn stúdzje net ôf en waerd yn 1844 eigener fan it panwurk yn Húns; datselde jiers rjochte er as ien fan it trijemanskip it Selskip mei op. Wylst Dykstra en Sytstra har op de taelstúdzje taleinen, joech hy him as jong-liberael yn de polityk en waerd fyftich jier lang in foaroansteand man yn gritenij- en provinsjebistjûr. Mei greate trou en leafde hat er Fryslân en de Fryske saek tsjinne; hy hat makke dat it Frysk Wurdboek der kaem, bifoardere de bloei fan de Prov. Bibleteek en holp op alderlei wizen Fryske skriuwers as Sytstra, Colmjon, Tsjibbe Gearts v.d. Meulen e.o. In died fan bitsjutting wie ek syn útjaen fan it (âld) ‘Frysk Lieteboek’ (1876; 4de pr. 1930), dêr't in seistal lieten fan him yn opnommen is. Fan 1884-'96 wied er samler fan de ‘Nieuwe Friesche Volksalmanak’. Syn fersen en opstellen oer skiedkundige ûnderwerpen (Gysbert Japiks, Greate Pier) jowe him wol in biskieden, mar dochs weardich plak. | |
3. Harmen SytstraIn greate iensumens leit, fuort by it bigjin al, oer it libben fan de earnstige minske en ienlike strider, dy't op 14 jannewaris 1817 yn Mullum towrâld komt. Harmen Sytses Sytstra (oan 1852 ta skriuwt hy syn fan by forsin Zylstra) is iennichst bern en ek al gau wees. Syn | |
[pagina 110]
| |
heit, boere-arbeider, is mar oardeljier troud en stjert op syn 28ste; syn mem is amper in jier widdou, trout wer en rekket yn 1824 op har 30ste yn it kreambêd wei. Daliks nei heite dea slagget er nei syn beppe fan memmekant, Antsje Hyltsjes, dy't yn Achlum hwat buorkerij hie; syn âlden hat er sadwaende suver net mei bikende eagen sjoen. Hjir slyt er neffens himsels ‘det lukkichste part fon sîn libben, da earste berneperen.’ Beppe sil him folle forteld hawwe en op skoalle leart er hwat er mar leare kin. Mar beppe rekket yn 1829 út 'e tiid en Harmen wurdt bakkersfeint: seis jier by syn omke yn Achlum, fiif jier yn Arum, twa jier yn Seisbjirrum. Fierder leare kin neat fan ynkomme, dat de hjeljounsûren wurde brûkt foar selsstúdzje. Al jong hat er oanstriid syn tinzen op skrift en faek yn fersfoarm to uterjen; fyftjin jier âld set er rimen yn it Hollânsk, Frânsk en ek inkelde yn it Frysk op papier en forjit dêrby net de aktualiteit (Belgyske opstân!) acht to slaen. Hy libbet wol gjin hjerremitebistean, mar hwat er siket en bigeart fornimt de bûtewrâld net folle fan; it leafst sit er allinne yn 'e boeken en leart sadwaende by nacht en ûntiid himsels (moderne en klassike) talen, stjerrekunde en hokfoar witnis der foar sa'n doarpsjonge mar to birikken falt. Maeije 1842 (hy hat syn earst Frysk boek al útjown, dêrtroch kunde oan de Frjentsjerter studint Tiede Dykstra krigen, en hat wer in oare útjefte ûnder hannen) brekt er út de beage los. In moannemannich jowt er him op de smidssouder oan it skriuwen en oan de stúdzje, giet yn Harns wol gauris oan 'e jui en docht war séman to wurden; as dat mislearret en de sinten op reitsje, wurdt him in skoalmastersplakje taskikt. Yn de jierren 1842-'46 hellet er de 4de, 3de en 2de rang en folle letter, yn 1858 yn Baerd, de akten foar talen en wiskunde. Hy stiet yn skoalle yn Seisbjirrum, Winaem, wer Seisbjirrum, is yn 1845 hûsûnderwizer yn Arum, bliuwt in foech oardeljier oan de earmeskoalle to Frjentsjer (dêr't er yn de kunde komt mei de Genoatskipslju Telting en Behrns), hâldt it dan mear as fiif jier yn Burgum út, sollisitearret withoefaek om 'e nocht, kriget (op foarspraek fan Jac. v. Loon?) it boppemastersplak yn Baerd, trout mei in fanke út de Wâlden, en bliuwt dêr oan syn dea ta. In libbensgong, ûnoansjenlik oan de iene, tige apart oan de oare kant. Yn Seisbjirrum bigjint er ein 1844 op eigen manneboet mei de útjefte fan syn tydskrift Iduna. Hy moat in bêste ûnderwizer west hawwe, mar syn bigearte gyng út nei stúdzje en wittenskip. Maklik yn 'e omgong mei minsken is er net, rom hat er it nea. Faek moat it him oanflein wêze en kroppe it forset tsjin syn lot yn him op. Yn 1846, as er stikket nei in baentsje oan de Afrikaenske kust, anderet er op in warskôging fan Tiede Dykstra: ‘Mar hwet is det, det ik min libben, det hier sa fulle soerens end bitterens befet, weagje jen én fulle draechliker - | |
[pagina 111]
| |
HARMEN SYTSES SYTSTRA
| |
[pagina 112]
| |
oft én skielike bifrying fon olle sorch end lest?’ Yn Burgum liket it bistean hwat fleuriger; dêr wint er Tsjibbe Gearts syn freonskip, rjochtet in selskipskrite op, helpt mannichien fan de legerein om foarút to kommen en is lieder fan in sjongkoar, dêr't er soms sels de Fryske sangen foar makket, sa as de Wâldsang. Mar ek dêrre pleage him it romantyske ûnbihagen en foun er yn syn persoanlik en maetskiplik bistean mar min bifredigingGa naar voetnoot1). De Baerder jierren - noch gjin tsien jier hat er troud west - brochten swierrichheden yn oerfloed. De boppemaster hie mei al syn bybaentsjes mar in lyts lean, der wie folle sykte, ien fan syn fiif jonges forstoar, dat hy, de ynbannige, him tige nei naem (‘ik bin faeks to weak foar in man’, skriuwt er yn in brief), syn wiif moast har op krukken rêdde. It is ûnbigryplik, dat er jit safolle wurk út 'e wei set. Hy jowt him djip yn stúdzje en skriuwerij, mar rjochtet hjir ek wer in krite op, (‘en sa spriek er faek mei fjûr en mei krêft en fitere ús en oaren oan. En as wy al hwatte tsjinakselen, hy hâldde oan’, neffens de kriteforslaggen), en giet út to sprekken. Mei de holle jit boardefol plannen, stjert er de 4de fan aprilmoanne 1862 nei in koarte typhussykte. As gjin twa moanne letter Tiede Dykstra ek weinommen wurdt, is der ynienen in greate legens yn Fryslan ûntstien: twa freonen foar har libben, twa bisibbe geasten, twa pylders fan de jonge Fryske biweging, twa mânske beammen yn folle bloei binne fallen. ‘In him forlear Frîslond en grêat mon; da frîesen en foarmon, diu frîske sprake îen fon hir grêatste kenners end ûndersikers, end dermei ûs selscip îen fon sîn upriuchters, det mêast arbeidiand end hêachst nuttich lid, den mon, dé ma binei da sîel fon th' selscip nêama mucht’, dat is it tsjûgenis oangeande Harmen Sytstra op in selskipsgearkomste yn 1863. Elk wurd dêrfan hâldt, as men syn wêzen en wurk mei sin neigiet. In stil, earnstich, ynbannich weesbern, dat fan syn beppe gâns folksoerlevering meikriget, dat niget sjocht oan oare dingen as sljochtwei jonges, dat faeks al hwat aen hat fan de swiere libbenswei dy't foar him leit. In feint, dêr't wy de ynderlike ûntjowing mar oerflakkich fan kenne, dy't mingt, bakt en sutelet, mar ûndertusken al syn tinzen nei de stúdzje útgean lit, en dy't syn toarst lavet sûnder dat wy fan ien witte dy't him | |
[pagina 113]
| |
de Fryske boarnen wiist. In learmaster hat er grif net hawn, al binne der ynfloeden fan Gysbert Japiks, fan de Lapekoer en fan De Haan Hettema oan to wizen. Sterk en ynstinktyf libbet yn him de oerkrêft fan syn frijdomsfielen; soms liket syn libbensskip út it roer to rinnen, mar in stege, úthâldende wil wit ek de faeije kanten fan syn aerd to bitwingen. Swijsum, kritysk, net gau to sprekken oer oarmans en eigen wurk, rjochtút yn syn oardiel, ek al hellet er himsels dêrtroch ôfkear en forwidering fan oaren op 'e hals, dêr giet er foar troch. Foar mannichien is er in riedsel. ‘Der wier fen him gjin hichte foart to krijen, ‘Hy is’, sei't folk, ‘geleard as domeny, Mar dêr tsjinoer, fol ongelove er by, In frijgeast, dy't men mar hwet het to mijen’, seit Tsjibbe Gearts, dy't sels ek bitsjûget: ‘Ik bin hwet ik for 't fryske bin, troch him allinne’. In oar Frysk skriuwer, Gerben Postma, dy't Harmen Sytstra as bern kend hat, seit fan him: ‘In man fen karakter, dy't by foarried al oprjucht ûntsach en earbied as ôftwong, uterst evenredich en matich, stemmich, ja earnstich, mar golmienend trou as goud mei in eftergroun fen djippe godstsjinstsin.’ Hoe steech en sletten fan natuer ek, hoe swiersettich faek, as freon wied er ûnforjitlik, yn syn húshâlding man en heit yn de bêste sin. Mannich fers toant hoe tige er fan de bern hâldde, it suverst faeks de oandwaenlike mar dochs bihearske ‘Rousang by't lykjen fan ús lytse Tabo’. Harmen Sytstra hat frijhwat skreaun; spitigernôch is it bêste fan syn wurk jit nea yn goede, nije útjeften gearbrocht. It boekje, dat er as bakkersfeint skreaun hat en dat de oanlieding wie ta de freonskip mei Tiede Dykstra, is ‘Tsien Tuwsen uwt de lotterij, oaf Jouke Rommerts scriften’ (1841). It bistiet út sa'n foech 300 siden grienmank en skaeit neffens foarm en ynhâld tige nei de Lapekoer út, al sit der hjir en dêr ek wol hwat eigens yn. Jouke Rommerts is in neifolging fan Gabe Skroar, mar Sytstra hat in hiel oar aerd as de Halbertsma's en dêr dielt er syn figuer ek fan mei fansels. Oer it ginnerael is it proaza net sa botte foarnaem en is ek de humor fan in guodkeap soarte. It fersewurk is better en toant mear forskaet; dêr binne ek aerdige fabels by. It falt op dat wy by dit bigjinwurk al de earste Regine-sang fineGa naar voetnoot1). De twade stap wurdt al mei mear wissens dien. Yn 1842 forskynt ‘It boask fan de Kastleins-dochter’, in blijspul yn aleksandrinen, dat neffens foarm en ynhâld grif net sûnder bûtenlânske foarbylden (Molière?) ta stân kommen is, mar dat ek genôch eigens hat. It stik is libben, flot, oannimlik en mei goede taelbihearsking skreaun; lang gjin | |
[pagina 114]
| |
minne ynset fan de 19de ieuske Fryske toanielskriuwerij. In lettere stap op toanielgebiet (‘Great bal! Mient mei syn maten in joun yn 'e staed’, in biwurking fan in Dútsk neistikje) kin der net by helje; it sil wol skreaun wêze, lyk as folle mear populair wurk fan Sytstra, om de lju oan it Frysk lêzen, spyljen en sjongen to krijen, en faeks ek om der hwat oan to fortsjinjen. Ek foar de bern woe er sines jaen: ‘Gelukkig Hansje’ (1846), dat wol it earste Fryske skoalboekje wêze sil, en ‘De stellene kersen’ (1847), in nei it Hollânsk biwurke toanielstikje foar de jongerein. Sytstra as paedwizer treffe wy yn in foarlêzing, dy't er foar it Selskip hâlden hat doe't it jit gjin jier âld wie, en dy't de earste útjefte dêrfan wurde soe: ‘Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimen end hwet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om us tael to biforderjen?’ It is in skruten en soms taestend program, mar mei foar dy tiid dochs frijhwat radikale oanwizingen. En dan is der de tydskrift-samler. ‘Teltsjes, rymkes, sankjes en sa foärt hinne, ien en oar grymmank, scil den ynhald daerfon útmeitse. Nu ris gekjeyende, den wer i's mei én effene tronie; hjir i's en quinkslach, daer is én wirdtsje út earnst; sa wolle wy jimmerwei siikje troch forscaet jimme nocht to jaen’, sa jowt it foarwurd fan de earste jiergong fan Iduna it doel fan it blêd oan. Efkes fierderop hjit it: ‘Goede stewige kost scille wy scaffe, sa folle as hit ús dwaenlik is, altyd sa fris as én nut, én nu en den, as wy gelegenheit ha, ris én lekker múltsjefol twiske beiden.’ Sawntjin jiergongen, fan 1845-'61, fan dit yn de Fryske literatuer sa aparte tydskrift - grif Iduna neamd yn neifolging fan it Sweedske blêd fan dy nammeGa naar voetnoot1) - forskine der ûnder Sytstra syn bistjûr, in wurk dat him net altyd wille en foldwaning bisoarge hawwe sil. Oft it doel fan Iduna ek neikommen is? ‘Rym en ûnrym, earnstich en grappich petear, egen en oerset, wikselen dêr elkoarren ôf; nou ris krige men in teltsje út it deistige libben ef út de skiednis, in Noardsk, in Tsjutsk ef in Frysk mearke ef in âlde sêge; den ris hwet kâlterije oer seden en brûkmen ef, humoaristysk ef ironysk soms, oer minskene goed en kwea, en op in oare tiid in stikjen oer tael en spelling ef in priuwke klearebare âldfrysk, as 't nedich wier, mei Sytstra syn fortsjutskinge der njunken; allegearre der op birekkene om de ljeafde for it Fryske safolle as 't koe oan to fiterjen, en in bulte frjeonen en foar- | |
[pagina 115]
| |
stanners hat er dêr mei for ús tael woun’, seit Colmjon yn 1883. Elk dy't nou, in ieu nei de forskining, Iduna yn hannen kriget, sil dit oardiel meistimme. Fral as er wit ûnder hokfoar binypte en bihelplike forhâldingen Sytstra syn samlerswurk altyd dwaen moatten hat. Hwat fuort opfalt yn de Iduna's, dat is de stavering. ‘Het Friesch moet met geen Hollandsche letters en teekens, maar met deszelfs eigene en oorspronkelijke geschreven worden’, dy stelling fan M. de Haan Hettema út 1830 hat fan in bitsjoenende ynfloed op Sytstra west. As Tiede Dykstra yn 1845 Iduna yn de Ljouwerter krante oanrikkemedearret, wiist er ek op de stavering, dy't it bêste middel wêze sil om de earbied fan de frjemdling foar it Frysk as tael ôf to twingen. Yn de boppeneamde foarlêzing fordigenet Sytstra syn stavering tsjin dy fan Gysbert Japiks (‘romt ma Gysbert Japicx as earste fryske dichter, ma mat him ac as earste gearflanser fon sa'n taelkinstich koesemoes neame’) en tsjin dy fan Joast Halbertsma. As útkomst fan syn úndersiik neamt er dan: ‘Mei ynachtniming, ho da Friesen oannath Hollondsk forwend benne, end mei th' each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath ald-Frysk self da wetten foar hiar spelling siikje’. Mei elke jiergong fan Iduna giet er in stapke fierder nei ‘it wiere’ ta. Foar de folkslektuer, dêr't er ûnderwilens ek foar soarget, brûkt er in makliker stavering, mar ek dêr hellet er stadichoan hwat mear fan it Iduna-systeem yn. Komt der krityk, wurdt der om syn ‘idée fixe’ lake, biskôgje guont him as in maniak, kleije party lêzers dat sok Frysk net to lêzen is, hy giet syn gong. Hy docht dat ek as der in fûle, mar earlike en kundige oanfal op syn stavering komt fan de kant fan mr. Ph. van Blom, dy't warskôget: ‘Benim it folk dij sucht net om Frysc to laezen, throch it in kost foar to setten, dij it net fortarre kin’, en ‘scriûw sa as er spritsen wirdt, mar net sa as er spritsen is!Ga naar voetnoot1) De earnstige eftergroun fan Sytstra syn staveringsstriid moat goed sjoen wurde, om bigripe to kinnen dat hy him wol tsjin Van Blom syn útspraek forsette moást. ‘Ik wol biwize, det wy yette de egenste tael hawwe, en moat ik det, en elk dy't it mei my bisiket, slûpe litte, den is it ek de moeite net wirdich tiid en krêften oan it Frysk to bistellen. Den bitsjut it to min’, skriuwt er yn 1847 oan Tiede Dykstra. Foar ús nijerwetsk bigryp fortiist er hjir tael en stavering en hat er ek net ge- | |
[pagina 116]
| |
nôch each foar de ûntjowing fan de tael. It foar-skriuwen giet by him boppe it bi-skriuwen en hy liket net yn to sjen, dat syn bousel in net mei de werklikheit oerienkommend maekwurk is. Dêrneffens is dit diel fan Sytstra's libbenswurk mislearre, wol men hawwe. Mar dan wurdt forgetten, dat foar him dizze staveringskwesje gjin wittenskipswurk of libbensfrjemde stúdzje is. It wurkjen dêroan bitsjut foar him it lizzen fan de fundaminten fan it Fryske taelgebou en ta de forfolling fan dy libbenstaek wurdt er oanienwei fan in greate hertstocht dreaun. De ynfloeden fan de Dútske romantyk (via Tiede Dykstra) binne hjir klear to fornimmen; lyk as syn stúdzje fan de germaenske talen, syn biwûndering foar de noardske goadelear, syn bioefenjen fan it germaenske stêfrymfers, sa is ek syn stavering dêr net sûnder to forklearjen. Sûnder in djip leauwen oan de idé fan Great-Fryslân is dy yn har ûntstean ek net to tinken. De algemiene Fryske skriuwtael moat ommers alle bisteande dialekten (West-, East- en Noard-frysk) omfetsje en fan alle stambruorren brûkt wurde kinne. Sytstra hat bisocht, dit allegearre wittenskiplik ût to wurkjen yn syn ‘Friesche Spraakkunst’. Mei de plannen dêrfoar roun er al yn 1846 om, mar it wurk is nea rékommen. De ‘Inleiding’ forskynde yn 1854, de ‘Klank- en Schriftleer’ yn 1856 en de ‘Woordenleer’ yn 1862. Hy woe der it biwiis mei leverje, dat Ald- en Nij-frysk, West- en Noard-frysk ien en deselde tael foarmje en fangefolgen ek ienselde stavering hawwe moatte. It is droech en toar wurk, dy spraekleare, mar lykwols mei hja in dichterlik torso hjitte, sa't syn taelskôging in romantysk ideael en syn stavering in utopyske dream neamd wurde mei. Lit Sytstra as taelkenner earder in forbjustere ienling as in fornijer of baenbrekker west hawwe, foar syn helthaftich stik wurk sil elke Fries net oars as mei de greatste earbiedenis stean kinne.Ga naar voetnoot1) Njonken de stavering treft jin yn de Iduna's de striidberens, it foarse, oardieljende en oantrúnjende wurd en boadskip. Feninich en sarkastysk kin Sytstra mei syn tsjinstanners spotte, fûl en rjochtút is er yn syn ôfgriis fan it leffe, healslachtige, forhollânske Friezendom, dat er mei in sterke rhetoryk giselet. ‘Op eltse boech, da Friesen hiar ere op to halden, da fryske spraek hir alde glorie wer to jaen’, of ‘fremdsin deye, 't poepsk forjeye, der is 't skreppen um to dwaen’, of ‘wy moatte fierder, dêrta jowt it forline moed, en de tsjinstân dy't it Selskip yette ûnderfynt, poarret dêrta oan’, sokke en oare uteringen | |
[pagina 117]
| |
‘It Hinneklaed’ fan H.S. Sytstra (Blomlêzing, s. 116). Hânskrift fan de dichter.
| |
[pagina 118]
| |
biwize dat syn krityk posityf rjochte wie. De hiele tsjintwurdige Westerlauwersk-Fryske biweging giet dan ek op him werom; hy pleitet foar it forwêzentlikjen fan praktyske easken (Frysk op skoalle, yn brieveforkear en advertinsjes) en moat neat hawwe fan leafhawwerij en pielderij. Hy sjocht it wiid: taelstriid is striid om selsbihâld en ‘tael en folksbistean hingje oanien, lyk as siele en lichem by de minske’. Gjin forwyt rekket Sytstra mear as dat fan provinsjalisme. Yn dat prachtige ‘Wurd oan ús lânslju’ út 1848 seit er: ‘Wy libje mei de Hollanner ûnder ien steatshúshâlding; yn safier as ús mienskiplike bilangen rikke, lûke wy mei him ien line; mar yn East- en Noard-Friezen sjogge wy ús bruorren; de Grinslanner is ús jit altyd sibber as de Hollanner’. Ek yn syn fersen binne dizze lûden hyltyd to hearren; lês mar ‘Foarút!’ (‘Foarút! foarút! de naesjes om ús hinne Tsjenn' allegearr' nei heger doelwyt op, En wy, wy soene toevje? wy allinne?’), of dat sterke en manlike ‘Bea’, skreaun fuort nei it revolúsjejier 1848, of dat hertstochtlike ‘Ofskied fan freonen, dy nei de Foriene Steaten fan Noard-Amearika teagen’. Omdat Sytstra Fries is, is er Great-Fries; Magna Frisia is foar him in histoarysk feit, dêr't hjir net sûnder fierder to libjen falt. Dêrom is er ek germaen; hy sjocht de fijân altyd út it suden weikommen. Syn greate leafde foar it Frysk forline wreidet har ta al it âldgermaenske út: de Angelsaksers en Skandinaviërs hawwe syn duorjend omtinken. Hy doar allinne stean en as it moat, lyk foar allegearre oer; dêrom is er wol ‘de earste helt yn it 19de ieuske Fryslân’ en ek ‘in Frysk lieder’ neamd. Hy sjocht him net blyn op it forline, mar wit hwat de takomst freget. Klear sjocht er it nearzige paed dat er gean moat, mar skrillet der net foar werom en bliuwt de moedige, frije Fries, dy't it doel heech stelt en fan gjin bûgjen wit. As jongkeardel hat er syn freonen wolris oer syn libbensplan sprutsen: earst soe er in Fryske spraekleare skriuwe, dan moast der in Frysk wurdboek gearstald wurde en as hy dêr mei klear wie, soe er syn swannesang dichtsje, in great heltedicht, mei as ûnderwerp de komst fan de Friezen hjir yn Fryslân. Doe't er mei it earste oan de gong wie, waerd hy hjir al weinommen. Mannichien hat it frjemd talike dat dizze man, dy't de skriuwer fan in klassyk Frysk epos wêze kinnen hie, safolle muoite en krêft oan de folksskriuwerij ‘forgriemd’ hat. Ien dy't sa'n bytsje organisaesjeman en mienskips-minske is, dy't it fan Tsjibbe Gearts, Waling Dykstra en oaren net hawwe kin, as hja har to fier nei it publyk oerbûgje, forwachtet men soks net fan. Fan in ‘koele en hege hâlding’ foar dy folksskriuwerij oer, blykt lykwols neat, al sjocht er har fansels wol kritysk. Yn de foarlêzing fan 1845 seit er: ‘Lit er derom foar sorge wirde, det er fryske stikken foar honden bliue, wer det folk op aesje | |
[pagina 119]
| |
wol, dit is heachst neadsakelyk om da tael únder det folk steande to halden... Mar soks mat nea by olleger end yn ol det wyt der scriûers wirde, sa lang da faek wol bisige mar op sin tiid ac heach earnstige Friesen nawt yn wiffe lichtsinnige Franskes foròre benne.’ Bûtendat, sels wied er mei wurk bigoun (Tsien Tuwsen), dat folle fan Halbertsma-neifolging hie; syn hiele libben skreau er ek yn boekjes as Suringar's almanak en Swanneblommen.Ga naar voetnoot1) De earnst, dy't him sa eigen wie, forbriek er dan faek, mar nea hat er skreaun ‘om én domme tinslease heap to bihágjen.’ Syn koartswyl komt jin dan ek gauris oan as forsearre en altyd is dy fan in skerper, wreder soarte as byg. dy fan Waling Dykstra. Yn de ‘Blau-Mandeis-krante‘, dêr't mar twa nûmers fan forskynd binne (1856-'57), komt dat dúdlik út. Yn folksaerdige foarm hikkelt er alles dat him net nei 't sin is yn tsjerke, steat en maetskippij; moedich komt er foar sosiale rjochtfeardichheit op en as radikael-liberael jowt er de dûmny's en de finen der omraek fan lâns, (fgl. ek de fersen: Hoppe; Doafpot en domper). Sokke skriftkes tsjûgje likegoed fan Sytstra syn satiryske oanliz en syn oprjochte driuw nei wierheit en minsklikheit, as fan syn bounwêzen yn de tiid en oan in biskate geastlike sfear. Op hokfoar gebiet er dat tydlike it meast ûntriisd is, as wittenskipsman, folksopfieder of kunstner, falt min to sizzen: Sytstra is foar alles in persoan, in ienheit. Syn opstellen en skôgingen binne foars en rjochtút en biwize, lyk as ek syn forheljend proaza-wurk, syn geve taelbihearsking. Dúdliker lykwols komt syn eigen aerd út yn it dichterlik wurk. It epysk karakter, in sterke, mannelike toan, in foarleafde foar seedlike learing (de didaktikus utert him graech yn fabels en satire!), in ôfgriis fan sloppe, ynhâldleaze eamelderij (soms wol oerdreaun lyk as yn ‘Sterke drank’) en in oanstriid ta hertstochtlike utering (byg. ‘Oan...’), typearje syn fersen. It emosionele en it rasionele geane by him faek in seldsume forbining oan. Dy't in folk wekker meitsje wol en him ta oantrúnjen en bisieljen roppen fielt, moat ek wol krêftiger toanen fine kinne as inkeld lyryske. Iensidich is Sytstra as dichter dan ek net. Mei syn maklike hantearring fan de ferstechnyk hat er tige de slach fan it neifortellen op rym (in sêge as de ‘Ljouwerter wiven fan alear’), mar tagelyk kin er utering jaen oan de tearste ynlikens yn de ‘Rousang’ en de Reginesangen. De kostlike humor fan ‘Nynkmuoi en har poeske’, de sobere bylding fan libbenswysheit yn ‘Doutsen en har suster’, de ynbannige | |
[pagina 120]
| |
biskriuwing fan it houlikslok yn ‘Bernsberne boaste’, it tear en djip neifielen fan it bernelibben yn ‘Bern’, de sterke stêfrymfersen ‘Unwaer’ en ‘Hjerstjoun’, it trintene dounsjen en sjongen fan de ‘Swellesang’, hja tsjûgje stik foar stik fan Sytstra syn ryk dichterlik talint. It ‘swiet muzykjen’ fan Gysbert Japiks is him net hielendal frjemd, mar hy is oars as de Boalserter dichter, dêr't er mei yn de lytse rige fan Fryslâns bigenedige sjongers stiet; syn wurk komt jin fûlder, striidberder, ‘barbaersker’ oan. Leit der tusken dy twa ek net in tige great forskil yn it forstean fan godstsjinst en kristlik leauwe? As Harmen Sytstra langer libbe hie en him net sa'n swiere lêst to dragen jown wie, hwat soe er Fryslân dan hwat jaen kinnen hawwe, is der faek sein. Mar hat er nou al net folle mear jown as Fryslân fortarre en forneare kin? Moed, trou en úthâlden, dêr wie er great yn; hoe mear hy twivele, hoe fûlder hy arbeide. Gjin Fries yn syn ieu hat heger doel steld, gjinien hat oan dat doel syn libben réfurdiger jown. Foargonger, foarbyld, paedwizer, lieder, tsjûger, skald, - men siket om wurden, dêr't Sytstra sels grif mar ien wurd foar hie: Fries. | |
4. Gerben Colmjon en Johan WinklerSa goed as literatuer en striid yn dit tiidrek yn Fryslân trochinoar hinne lizze, is dat ek it gefal mei literatuer en wittenskip. De romantyk hat altyd greate forbiningen tusken ûnderskate libbensgebieten witten to lizzen en mocht fral graech de eigenheden fan it folk yn in universeel ljocht sette; boppe de skieding socht hja de ienheit. Dy ienheit lei yn it nasionale stribjen, dat tael- en skiednisstúdzje, striid en skrifteken-nisse, bioefening fan neistenleafde en forsterking fan folksdeugd (‘Fryske sin’) as foarnaemste uteringsfoarmen hie. Yn de persoan fan Colmjon sawol as fan Winkler komt dat allegearre klear út. Op hokker gebiet hja ek wurksum binne, jimmer tsjûgje tinzen en wurden sa sterk fan in nasionale (en meastal Greatfryske) skôging, dat min út to meitsjen is oft hja earst dichter en skriuwer, of wittenskipsman binne. Gerben Piters Colmjon (27 april 1828-28 desimber 1884) is wer ien fan de lange rige Friezen, dy't harsels hielendal foarmje moasten (autodidakten). In Ljouwerter jonge, dy't syn stêd trou bliuwt. Oan syn alfte jier ta op de legere skoalle en dan tsjin it sin by syn heit as boarstelmakker yn it wurk. Drege selsstúdzje, fral talen; boekeleafhawwer, sneuper. Jac. van Loon fornimt dat der hwat yn de jonge sit en bringt him mei Tiede Dykstra yn 'e kunde, dêr't er ek les fan kriget. Under har ynfloed wurdt er foar it Frysk woun (heit wie Hollanner, mem kaem fan Wergea), dat er lykwols op sakereizen en út boeken | |
[pagina 121]
| |
jit leare moat. Yn 1849 jowt er him op as selskipslid en sûnt boddet er trou mei, nettsjinsteande earmoede, sykte, en, yn it bigjin, lytsachting fan de hegerein. Tritich jier âld, troud man en heit al, jowt er de boarstelsaek der oan en bigjint in boekehanneltsje. Yn 1862, nei de dea fan Sytstra en Dykstra, wurdt er Iduna-samler en selskipsskriuwer. Hy studearret en bisiket syn heukerich bistean mei hwat kranteskriuwerij en as forslachjower fan de Fryske Steaten en forsekeringsagint to forbetterjen. Fiif winters (1863-'68) giet er as opfolger fan Tsjibbe Gearts mei Waling Dykstra fuort foar ‘Winterjounenocht’, mar hy is gjin man foar op de planken. Yn 1868 komt er einlings toplak: hy wurdt as opfolger fan dr. Eelco Verwijs archivaris-bibletekaris fan Fryslân en letter, as er bliken jowt syn baentsje ek skjinmeitsje to kinnen, ek ryksarchivaris. It jowt him gjin reden minder foar it Selskip yn it spier to wêzen en hwat dizze wrotter mei syn swakke lichemskrêften as man, as heit en as freon wie, jowt it rjocht him ien fan de ealsten neffens de geast to neamen. It ynbannige fjûr fan Harmen Sytstra hat Colmjon net; hy is hast hwat tó dimmen en biskieden, tó folchsum en earlik. Hy hat in stielen wil, mar is foar oaren oer tige mijen; hy is in boekewjirm en man fan taelstúdzje sa't der net folle binne, mar lit dat amper nea blike. Hy is in from en godstsjinstich man, orthodoks fan hûs út, mar rekket dochs - alwer mei ûnder ynfloed fan Tiede Dykstra syn radikalisme - by de tsjerke wei. Trou is er as ien, in geastdriftich frisiast, mar gjin greate, oerhearskjende persoanlikheit. Van Loon en hy nimme yn 1862 de lieding fan it Selskip fan Dykstra en Sytstra oer, hja kinne dy har sterk lûd net hearre litte, har rjochte streek net fuortsette, mar hja witte in djûr pân hoeden en taktysk to biwarjen, hja passe har ek oan by de easken fan de praktyk. De staverings-anarchy moat in ein oan komme en it folk moat woun wurde foar Frysk lêzen, is Colmjon syn bitinken. De Iduna-stavering wurdt mei fordrach mar wolbiret loslitten en yn 1863 al forskynt Colmjon syn ‘Beknopte Friesche spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd’, dat meihelpe moast oan de bitizing in ein to meitsjen. It leit foar de hân: Sytstra syn grammatikael wurk is dêrmei foargoed fan 'e baen skoud.Ga naar voetnoot1) | |
[pagina 122]
| |
Yn 1863 wie Iduna mei in ‘Oarde rige’ bigoun; de dea fan Sytstra wie in mylpeal wurden. Yn 1871 wurdt it tydskrift omneamd yn ‘Forjit my net’ en dêrmei is oantsjutten dat it earste tiidrek fan de Fryske romantyk ôfsletten is. It is suver in symbolysk forskynsel: in koarte, rike namme wurdt ynruile foar in neatsizzenden. En ek, de germaenske goadeleare, by Dykstra en Sytstra sa yn de gunst, wurdt net mear achtslein; earst yn de twade Fryske romantyk, by Piter Jelles-en-dy, komt dy wer hwat yn eare. It nije rasionalisme fan de lêste helte fan de 19de ieu wurdt de romantikus Colmjon ek faek de baes; hy leaut sterk oan de foarútgong, oan de macht fan de rede, mar mei syn geast bliuwt er dochs graech by syn foargongers en hy sjocht bytiden ek it tokoart yn de biskavingsidealen fan syn tiid wol. It is Colmjon net to forwiten, dat Dykstra en Sytstra net mear yn alles folge wurde. Oan leafde en warberens ûntbriek it him ek nea. De tiid wie foarby en it like wol, dat Fryslân mei ien romantyske opstiging foar lange jierren syn greatste krêft forbrûkt hie. Warber wie Colmjon as net folle. It wurk oan it Frysk wurdboek fan Joast Halbertsma (glossarium frisicum) sette hy nei dy syn dea fuort en foar it ‘Friesch Woordenboek’ hat hy de grounslach lein. De earste folsleine útjefte fan de ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma's yn 1871 en ek de twade fan 1881 hat hy birêdden en forsoarge. Fan 1850 ôf oan syn dea ta publisearre er tal fan bydragen yn rym en ûnrym yn Swanneblommen (it jierboekje dat it Selskip fan 1850-1916 útjown hat), Iduna, Forjit my net, en oare tiidwurkjes. Syn poëzij is fol sentimint, mar ienfâldich en klear, ‘sa gemoetlik, sêftoantaestend’ neffens Gerben Postma. De hege, brede flecht fan Sytstra syn bêste fersen siket men by him om 'e nocht en dêrom docht it nij, dat hy ek mei plannen foar in heltedicht omroun hat. Syn lûd is oprjocht, earnstich en stil, mar wolris op it ientoanige ôf; graech mei er in godstsjinstich-seedlike learing jaen, dy't yn har sljochtens faken oertsjûget. De Fryske Lieteboeken hawwe fiif sangen fan him opnommen, (û.o. ‘Wy, wy litte ús tael net farre’, ‘Gods greatheid’ en it suvere, teare ‘Dou bliuwst my by’). Bikend is fan him ek it dichtstik ‘Bi th' forstearan fen dr. Eeltje Halbertsma end ds. Rinse Posthumus’ (Iduna XVI, 1860). As oersetter falt er op troch in goede kar: wurk fan Shakespeare, Goethe, Schiller, Heine, Lessing, Jean Paul, út it Noardfrysk, út it Deensk fan Andersen, Ingemann, ensfh. Colmjon syn proaza is faek earlik en weardich. Syn opstellen oer Fryske skriuwers as Rein Windsma, in oan him bisibbe geast, en Harmen Sytstra binne jit mei nocht to lêzen troch har waerm ynlibjen en goed oanfielen. Der binne in stikmannich histoaryske novellen fan him forskynd, dy't ta de goede midsmjitte rekkene wurde moatte; better | |
[pagina 123]
| |
binne de tige aerdige forhalen ‘Hwat de leafde net dwaen kin’ en ‘In opkeammerke to Ljouwert’, beide fan 1862 en beide net frij fan nayf sentimint. It evangeelje neffens Lukas, dat er yn 1879 yn it Frysk útjoech, hawwe ek oaren ta meiholpen. As in greate fortsjinste moat him oanrekkene wurde, dat er, as alderearste, skerpe en forstannige (meast taelkundige) krityk útbrocht hat op it Oera-Linda-bok, dat yn 1867 op 'e lappen kommen wie en de wittenskiplike wrâld danich yn opskuor brocht hie. En net to forjitten: folle oankommende skriuwers hat er mei ried en died holpen, mei frijhwat Friezen (ek út East- en Noard-Fryslân, dy't er tige achtsloech) stie er yn drok brieveforkear, syn wurk oan de Bibleteek die er mei greate tawijing. Mear as frucht fan oprjochte heitelânsleafde is dit libben: it is in trouwe, dimmene tsjinst oan Fryslân.
Johan Winkler (12 septimber 1840-11 maert 1916) wie ek in Ljouwerter boargersoan, dy't fan Tiede Dykstra les krige: ‘mynen leermeester en leidsman ter Friescher bane’ sil er him letter neame. Hy studearret medisinen, is in skoftke skipsdokter en set him dan yn Ljouwert nei wenjen. Hjir forkeart er frijhwat yn de Genoatskipsrounte, mar as syn wiif, in Grouster boeredochter, al gau komt to forstjerren en hysels op ûnnoflike wize yn de Oera-Linda-bok-kwestje bihelle wurdt, tsjocht er nei Haerlim, dêr't er alles hwat Fryslân oanbilanget oan syn dea ta trou folget. Folksskriuwer is er net, mear in stille gelearde, mar dan ien dy't oanhâldend mei it folkseigene dwaende is. In geef karakter, trou en oprjocht, suver hwat romantysk-nayf; it wurd ‘stânfries’ leit him faken yn de mûle bistoarn. Hy is ien fan de earsten, dy't it Greatfryske mei it Greatnederlânske stribjen yn forbân bringt, lykas letter de Fryske neerlandici Buitenrust Hettema en Schepers. Winkler wie in archaïst, in man mei wisse, âlderwetske opfettingen, ek op it stik fan de tael. ‘In neibloeijer út it midden fan 'e 19de ieu’, neffens J.J. Hof, dy't him goed kend hat. Hy wie orthodoks, in tsjûger foar it ‘Kerstenleauwe’, slim anti-sosialistysk en ek anti-feministysk. Romantikus wie er yn ieren en sinen en op literair gebiet stie er tige ûnder Dútske ynfloed; it greate en goede forline idealisearret er syn libben lang en wurdt it hjoed yn alles ta foarbyld steld. Syn taelskôging heart by dy fan de Iduna-skoalle thús; neffens modern bitinken is syn taelbigryp slim réaksjonair, mar yn de lange rige Friezen, dy't dat wol to hâlden jown is (fgl. Gabbema, Hilarides, De Haan Hettema, Sytstra e.o.) misstiet er grif net. Syn tael, sawol Frysk as Hollânsk, is oarspronklik en persoanlik; mei taelsuvering pielde er folle; de styl is uterst | |
[pagina 124]
| |
forsoarge, mar stiif en deftich, hoewol der altyd in sterke gefoeligens efter libbet. Syn freonskip foar Dútsklân (‘het zoo krachtig herbloeiende Germanendom’) en syn forheftige fijânskip tsjin Frankryk en de Frânske geast, syn tagedienens foar Guido Gezelle (dy't Frysk fan him learde) en foar oare Flaemske striders, wize op in soarte fan pangermaensk fielen, dat er ek yn syn wurk gauris ta utering bringt. Dat wurk is mar foar in part Frysk: almeast forhalen, skiedkundige sketsen, opstellen oer tael en folklore yn Iduna (skûlnamme: Gundebald), For Hûs en Hiem, ensfh. Ut it Noardfrysk brocht er wurk fan C.P. Hansen yn it Westfrysk oer en út it Latyn de pauselike bulla ‘Ineffabilis’. Yn syn talrike stikken yn Hollânske, Flaemske en Dútske tydskriften frege er jimmer it omtinken foar de Fryske skiednis, âldheiten taelkunde, en as grounlizzer fan de Nederlânske dialektstúdzje en nammekunde (op beide gebieten wie er syn tiid fier foarút!) joech er it Frysk syn rjochtlik plak. Hy wie meiwurker oan it ‘Friesch Woordenboek’ - al kaem er mei de haedbiwurker dêrfan, Waling Dykstra, trochstrings yn tsjok waer - en it fjirde diel, de Nammelist (Onomasticon Frisicum) hat hy allinne forsoarge. Op jongeren lyk as Jan van Wageningen thoe Dekama, Jan Jelles Hof en dr. G.A. Wumkes hat er net sûnder ynfloed west. Yn de Fryske nasionaliteitsbiweging nimt er, mear as yn de Fryske skriftekennisse, in eigen plak yn. | |
5. Hjerre Gjerrits van der VeenHoewol mear didaktikus as romantikus, en hoewol dizze skriuwer sa sterk yn de aktualiteit fan syn tiid meilibbe, dat al syn krêften fan it hjoed opeaske waerden en hy gjin ynspiraesje yn it forline hoegde to sykjen, moat Hjerre Gjerrits van der Veen dochs yn dit haedstik bisprutsen wurde. Hy is dy't er is, hast mei gjin oaren-ien to forgelykjen, altyd ûnôfhinklik en syn eigen wegen geand, striidber op it dwerse ôf. In emosioneel, kritysk minske, dy't samar mei in oar oerheap leit. In oergongsfiguer, dy't lykwols dochs mear by de mannen fan de Fryske romantyk as by Waling Dykstra-en-dy thúsheart. Ien dy't de frijdomsidealen fan de Fryske romantyk mear as oaren yn it sosiale, politike en godstsjinstige libben trochwurkje litte wol. Hy wurdt 15 maert 1816 to Grou berne, fan heite kant fan skippers-, fan memme kant fan boargerkomôf. De Halbertsma's hat er fan oansjende kend en by harren hat er heech opsjoen; har sosiale klasse wie sines lykwols lang net. Der is efkes praet fan, dat er lyk as Joast ta menniste dûmny leare sil, mar safier komt er net; hy is letter fûl frij- | |
[pagina 125]
| |
HJERRE GJERRITS VAN DER VEEN
| |
[pagina 126]
| |
sinnich-herfoarme. Syn oplieding draeit op dy fan skoalmaster út; yn syn berteplak is er kwekeling (de Fryske skriuwer Auke Boonemmer siet by him yn 'e klasse) en ûndermaster, en dêr ek hellet er fan 1833-1838 syn 4de, 3de en 2de rang. De hiele 19de ieu troch en langer is skoalmaster-wurde yn Fryslân de fierst-birikbere mooglikheit foar de folksjonge. Dêr yn Grou bigoun Hjerre Gjerrits al Frysk to skriuwen, dêr koe er syn muzikale oanliz uterje troch syn wurk foar in sjongkoar. Mar al hoe't er sollisitearret, in mastersplak kriget er net gau. Yn 1842 slagget er nei Dunegea en dêr, yn it iensume gea by de Tsjûkemar, bliuwt er oant 1847: in heukerich, earmoedich frijfeintebistean. Hjir wurdt er foargoed Frysk skriuwer, hjir kriget er ek de konsepsje foar it lettere boekje ‘De Kaertlizzer’. Hy wennet der mei syn suster, docht alle war om der wei to kommen en nei fiif jier einlings giet er nei Driezum, yn de Dokkumer Wâlden dêr't er him sa goed thús fiele sil. Yn de folksmûle is er hjir ‘master Hjerre’ en neffens eigen oantsjutting ‘scoalle-master, foarlaezer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeyer, tsjerkhofskoffeler, strjitwjoeder, insfh. to Driesum in foarsjonger te Walterswald.’ Yn 1852 moat er in moanne ‘sitte’ fanwegen bilediging yn in famyljekwestje; it sil net de lêste kear wêze, dat der gâns opskuor om syn namme is.Ga naar voetnoot1) Ryklik âld al, yn 1854, trout er mei in boeredochter. Hy biweecht him yn alderlei formidden (Nut, ûnderwizersorganisaesje, polityk) en jowt him mei hert en siel yn de journalistyk. Yn 1867 wurdt er in moanne útsletten fanwegen sloffens yn de skoaladministraesje, yn 1870 wer in skoft, om't er yn tsjok waer sit mei de boargemaster. Hy fjochtet oanhâldend, is o sa liberael, tige anti-orthodoks (mar mei syn stean oan de kant fan de fordrukten hat er in swak op de Ofgeskeidenen fan 1834) en kriget hyltyd mear each foar de needsaek fan in sosiale fornijing. Syn lêste libbensjierren, fan 1882 ôf, is er húswarder fan it gritenijhûs to Moarmwâld en dêr is er yn 1887 tige hastich forstoarn. Al ier lid fan it Frysk Selskip en letter earelid, wied er dêr in tige trou meidogger fan. Hy wie ek ien fan de earsten, dy't Fryske les (bûten de skoalle-ûren...) joech en op suvere tael en stavering die er jimmer war. Fan krite-, skoalmasters- en Nutsgearkomsten wied er in trou | |
[pagina 127]
| |
bisiker en hwer't mar hwat ta bifoardering fan ‘de foarútgong’ to rêdden wie, die hy mei. Hy wie mear in man fan witnis as fan wittenskip; syn stúdzje wie oerflakkich en syn aerd brocht mei dat er gau syn oardiel klear hie. In man dy't him hiel hwat fan talen en skiednis eigen makke hie, in folklore-sneuper, ien dy't alle kanten fan it folkslibben tige achtsloech, in waerm muzykleafhawwer. Ien dy't der yn it Fryslân-fan-doe, mei syn net sa lytse keppel kopstikken, gâns útroun en dy't ek gjin war die himsels nei de midsmjitte ta to bûgen. Hy hat op syn tiidgenoaten wol yndruk makke. ‘De man mei in geniale kroesige, wol hwat kantige kop, en libben each, hwer't it fjûr yen út tomiette striele, firdich fen liif en lea, mar hwet rimpen. As der ien man wier, dy't men Frisiast neame koe, den wie hy it’, is it oardiel fan J. van Loon. En Gerben Postma tsjûget fan him: ‘Mei syn lek en brek forearje ik him heech as dy't uterst seedlik, forstannich yn syn tiid himsels ûntwikkeljend, ûnselssuchtich en earlik fen karakter wier’, wylst wer in oar by syn dea rymke: ‘In man, dy jimmer stribbe nei wierheit, ljocht en rjucht, dy for de frijheit libbe.’ Genôch, om him in apart fortsjintwurdiger fan it Fryske liberalisme fan de 19de ieu to neamen, in figuer dêr't wy de kultuersituaesje fan dit tiidrek faek klear en hast altyd kleurich yn wjerspegele sjogge. Hjerre Gjerrits is yn de groun fijân fan de tsjerkeGa naar voetnoot1) en fan de dûmny's; fan hel, predestinaesje, fordommenislear hat er in ôfgriis, noch mear as fan byleauwe, mystyk, minske- en dogmahearskippij. Syn pleit foar fordraechsumens slacht yn ûnfordraechsumens oer, sadré er de tsjerkerinners en de lju fan de sindingsfeesten yn de faksen sitte kin. Lit er yn syn striid tsjin harren lykwols skerp en agressyf wêze, forheftich en faek heechmoedich, hy is altyd rjochtút en frij fan draeijerij. Yn alles is er it tsjinstelde fan slaefsk en tsjinstber; hy is fan it slach fan Joast Halbertsma, mei deselde foarleafde foar humor (anekdoten!) en satire, mar minder ‘barbaersk’ (omdat er minder gefoel foar demony hie?). Syn libbensrigels binne dy fan it optimistyske, rasionalistyske modernisme fan syn tiid: forljochting fan wrâld en minskdom; wês wier; ken dysels; lear de bern logysk to riddenearjen, hwant ‘logika skaft altyd ried’. Fansels is er moralist: Fan Jezus as ‘sûndebok’ moat er neat hawwe, wól fan it foarbyld yn seedlike folsleinens dat er jown hat. It giet om it libben, net om de lear, (‘kinne goede wurken ús net sillich | |
[pagina 128]
| |
meitsje, kweade tominsten net’), en fangefolgen hat er hyltyd mear it grau op it bibelleauwe. Ut forûntweardiging bigjint er to spotten, by sa'n aerd mear wyld en bitter, as bihearske. Hy uteret him skerp, feninich, geastich en tige persoanlik, soms op it ûnforsteanbere ôf (sjoch de motto's fan ‘De bitsjoende wrâld’) en faek sa subjektyf-maniakael, dat men fan bjusterens en bluistrigens prate mei. As minske is er ympulsyf en aktyf, geef yn syn stean foar oertsjûging en ropping; syn wurk is it produkt fan in oanhâldende wikselwurking tusken syn ik en de tiid. Hertstochtlik folget er de geastlike en maetskiplike ûntjowing, mar fangefolgen kin er de ôfstân min biwarje, komt er mar inkeld boppe it biheind-tydlike út en is er folle faker slachtoffer as er sels wit. It leit yn 'e reden, dat sa'n skriuwer wol seldsume produktyf wêze moast. Hast in heale ieu oanien publisearre Hjerre Gjerrits gâns dichten proazastikken yn Fryske tydskriften, jierboekjes en kranten, hâldde er lêzingen, levere er oan tal fan blêdden (Prov. Friesche Courant, Friesche Courant, Friesch Volksblad, e.o.), almeast yn it Hollânsk, korrespondinsjes, ynstjûrde stikken, literaire bydragen. Hoefolle gelegenheitsdichten, feestdronken en Nutsdeuntsjes, taspraken en preekjes hy net skreaun hat, komt net sa krekt. It wurk is der dan ek gauris neffens: fiersto rûch en ûnbislipe, mear ôfgeand op foarsens fan sizzen en uterlik fortoan as op inerlike djipte, mar withoefaek ek apart, skerp en nijsgjirrich. Fan it wurk, dat Van der Veen yn boekfoarm útjown hat - soms wol foar eigen rekken - folget hjir in skematyske, net kronologyske opjefte. Sang: Frijsce Fjouerstim as Toolf fjouerstimmige sangen foar sanggeselscippen in oare gearkomsten, 1844; Nije mearstimmige, greatliks oirsprunklike sangen, 1856. Skoalle: De Schoäll' forsjongery as 't Sielweagen by 't Examen to N. (Toneelspil yn ién uetkomste). Berymd troch Argus, 1847; Oars it 't nou! Ien ruwkerke foar't ‘schoolwezen’, 1859; Curaters, weits! of Hwat moike, ewen foar hjar dead, sei. Ien wirdke foar elts dy to dwaen hat mei de nye scoällewet, 1861. Forhael: De Kaertlizzer. Ien story der 19e ieu, 1856; fan Selskipswegen bikroand. Folklore: De wîlde Lantearne. En Nuts-preekje, 1855; De bitsjoende Wrald ef De nije wylde Lantearne, 1880. Satirysk rymwurk: Rymkes foär Friesen, 1844; Clipsrymkes, 1846; Geast end Pung. En deuntje ût end foar ûs dagen, 1868; Frymitslery oer godstsienst, maetskippy, natûr, politiek, sedekinde, tsjerke end upfieding, mei itlike photografykes as tajefte, 1871. Gelegenheitsdicht: Oan de Friezen, yn Foarmoane fen 1861, by 't fornimmen fen de oerstreaming oan Maes in Wael, 1861; Fulksdeuntje up earste April 1872, (‘Wei mei tirannen!’); Op 'e earste tramrit yn ús Fryslân. fen Dockum op Feanwâlden, 1880. Oersetting: Lîtse rîmkes foar bern, fon Mr. Hieronymus van Alphen, for- | |
[pagina 129]
| |
frîske, 1852; De Oerwintering der Hollanders op Nova Sembla, fen H. Tollens, Cz., forfryske, 1861; Oan de Freugde, oersetting fan Schiller's Ode an die Freude, N. Fr. Volksalm. 1861, s. 73-77.Ga naar voetnoot1) Al dit wurk is wakker ûngelikens en hat tige syn foar en tsjin. As oersetter byg. koe Van der Veen Schiller net oan, Van Alphen wol, mar hat er Tollens forbettere. As bioefener fan it koartdicht (útfallen fan ynfallen, fjûrstienfonken, spiritus, by drippen yn to nimmen, - trije fan syn eigen bineamingen foar dit slach wurk) hat er greate fortsjinsten. As dizze Fryske liberale lekedichter mei de earenamme ‘master fan it Fryske epigram’ sierd wurdt, komt him dat folslein ta en faek kin er yn dit stik njonken de Hollanners Huygens, Staring en De Génestet stean. Neffens Wadman wie der yn de Clipsrymkes byg. ‘gjin histoarje, mar aktualiteit; gjin Schwärmerei, mar krityk en satire; gjin mystyk, mar “natuerlike religy” en deugdoanbidding; gjin smoute humor, mar spitse fornimstigens; gjin sljochte folkstael, mar moedsum eksperimintearjen; gjin pastorale ienfâld, gjin rjocht en sljocht, mar formeits oan riedseltsjes, mystifikaesjes, fuotnoaten en rare etymologyen.’ Allinne al de ‘Frymitselerij' fan 1871 bifettet sa'n 450 koartdichten: meiïnoar foarmje hja de bilidenis fan Van der Veen, mei syn bikende learútspraken yn alderlei herhelling en fariaesje. Fan syn proaza mei De Kaertlizzer foaroan neamd wurde, in romanyn-miniatuer en yn folle opsichten de treflike werjefte fan in trageedzje dy't de skriuwer yn syn earder wenplak Dunegea spylje lit. It fierdere wurk is foar in diel lêsbere journalistyk, foar in oar part dreger spul. ‘De wylde Lantearne’ is in rjochtstreekse en fûle oanfal op it byleauwe; as er in fearnsieu letter mei ‘De nije wylde Lantearne’ komt, hat er de forbining tusken byleauwe en orthodoksy jit dúdliker lein en giet de biskriuwing fuort oer yn de bistriding. De forstânlike didaktikus en de partijman yn him winne it fan de dichter, fan de man mei it weake moed. Foar de Fryske sang hat Van der Veen yn syn tiid gâns dien; it sosiale fraechstik hat er troch folle wurk syn lêzers op it hert boun; hy seach de needsaek fan goede bernelektuer. Der is by syn produksje wol hwat dat folkslektuer hjitte kin, mar ornaris is dit wurk to persoanlik, to nuver en apart ek, om dêr foar troch to gean; foar de faeije kant fan de folksskriuwerij hied er syn eagen ek wol iepen. ‘It foarname | |
[pagina 130]
| |
punt nou nimmend, wolle wy net de lûdroppers, mar elke sountinkende kennismeitser nochris yn it sin bringe, him troch “tsjusterheid” (hjir en dêr!) mei hwat “stroefens”, net ôfbringe to litten om it heel folle moaije, sêftsljurkjende, glêsheldere net by ûngelok oer to strampeljen’, seit Gerben Postma fan it wurk fan syn âldere freon. | |
6. Gerben PostmaEk al sa'n op himsels steand skriuwer as syn âldere freon Hjerre Gjerrits; ek ien, dy't neffens syn tiid fan libjen better by it twade tiidrek fan de Fryske romantyk (haedstik X) ûnderbrocht wurde koe. Dat hy hjir bisprutsen wurdt, leit him dêroan dat Postma ien fan de lêste en bilangrykste útrinners fan de Iduna-skoalle is en dat er ek biwust yn mannen as Sytstra en Colmjon syn foargongers sjoen hat. Gerben Postma waerd de 6de juny 1847 to Damwâld berne. Hy wie in omkesizzer fan Harmen Sytstra en hat foar him syn libben lang de djipste earbied field. Syn heit forstoar hommels doe't er acht jier wie; as op ien nei de jongste fan seis bern waerd er nou ‘memme pop’, to mear om't er net sterk wie; syn minne eagen bisoargen him ek gâns lêst. Mem, folbloed mennist, roun der yn it doarpsformidden troch har talekennis-en-sa hwat út; hja brocht him hwat weak op en dat, wylst er fan himsels al seldsum gefoelich wie. Koe it oars dat dizze man slim egosintrysk waerd en al gau folle quérulant-eftichs oan him hie? Hy wurdt skoalmaster, mar kin it net lang op itselde plak úthâlde en reizget sahwat de hiele Wâlden troch. Yn 1882 sit er yn Oerterp en dêr moat er in moanne de skoalle út fanwegen spul mei de boppemaster. Efkes letter liket der hwat mear fêstichheit to kommen; hy wurdt yn 1884 skoallehaed to Nes op it Amelân, mar seis jier neitiid rekket er troch de stifting fan in roomske skoalle dêr op pinsjoen. Fuortoan is syn ‘skerp-protestant-wêzen’ suver in anti-Rome-kompleks en syn libben lang kin er syn hate tsjin de roomske tsjerke en tsjin ‘Loyola's satanske krityk’ net forswije. Sûnt 1890 wennet er yn Moarmwâld, dêr't er de 13de july 1925 forstjert. Twaris hat er troud west, mar nea hat er bern hawn. ‘In nuver, lêstich man’ waerd er neamd, in ûnharmonysk minske, in fet fol tsjinstridichheden wied er. Sels tige kritysk oanlein, wied er foar oaren oer licht erchtinkend, gau tonei-kommen en ôfgryslike gefoelich foar alles hwat de eigen persoan rekke. Freonskip koe dan samar foroarje yn fijânskip, dy't to-pas en to ûn-pas utere waerd en slim to soenjen wie. Fral yn letter jierren seach er rounom spoeken, ûntank en mislediging. Seis faken stikelich en bitter en op it ûnforsteanbere ôf | |
[pagina 131]
| |
persoanlik, seach er himsels as ‘in skiif op de romte, dêr't elk foar oar mar op doelje mocht.’ Mar as er bitsjûget: ‘Ik hear tige ta de ûnheiligen, ta de sûndaers’, is dat net earst en fral greatske démoed, mar djippe selskennisse yn swiere ûren; sa hat er ek ienkear dat flymjende wurd fan himsels sein: ‘Hy hat syn tiid hawn sûnder syn tiid hawn to habben.’ Gerben Postma stie jimmer as ienling, hy hat nea guodkeape populairens socht, mar hwa hat sa'n ienkennich libben lang sa bernlik útsjoen nei tagenegenheit en sa swijend biddele om wurdearring? Dêr't er ûnrjocht seach of miende to sjen, sprong er daliks nei foaren en yn in ieu, dy't de stof as iennichst libbensbigjinsel miende ûntdutsen to hawwen, proklamearre hy ûnforfeard it ryk fan de geast. Hy wie oprjocht godstsjinstich en de fragen fan it evangelyske leauwe hawwe him syn libben lang net loslitten, mar nea soed er him ta bifeiliging efter syn frommens forskûlje en fan it organisearre kristendom wied er ek gjin great freon. Sels in man dy't, neffens goefryske wizânsje, troch eigen ynspanning ta de boarnen fan witnis en kunst kommen wie, hied er dochs jimmer bigryp oer de neden en soargen fan it sljochtwei folk. Dat folk hat him en syn wurk net bigrepen - fan de oplaech fan 250 eksemplaren fan ‘Swealtsjeblommen’ (1891) wied er seis, sawn jier letter tachtich kwyt rekke - mar it hat grif witten fan syn waerm hert en syn oprjochte geast. Yn inkelde dingen hied er wol hwat fan syn freon Hjerre Gjerrits,Ga naar voetnoot1), mar troch aerd en opfieding stie er folle mear oan de selskant fan it libben. Hy hie ek hwat fan syn oare freon Tsjibbe Gearts, mar wie skerper, dreger, stroefer en gever en ek meastal sûnder dy syn boartlike humor. Wol in heale ieu lang en oan syn dea ta hat Postma skreaun, ûnbidich folle en op allerhanne gebiet, Hollânsk ek mar binammen Frysk (‘ik moast yn der iwichheit gjin Frysk skriuwn habbe, doch it is as men dat net litte mei’, seit er yn in brief fan 1898). Mei P. de Clercq stalde er de ryklik âlderwetske ‘Lytse Fryske Spraekleare’ (1904) gear en sette er de evangeeljes en forskate psalmen oer (yn it tydskrift Yn ús eigen tael 1911-'15). Hy wurke mei oan it Friesch Woordenboek en Uit Frieslands Volksleven fan Waling Dykstra. Forsprate bydragen fan him steane yn frijwol alle Fryske tiidwurkjes, kranten en almanakken; dêr binne gâns goede opstellen by oer forstoarne Fryske skriuwers en oer ûnderwerpen út de Fryske skiednis en folklore. Hy | |
[pagina 132]
| |
publisearre, binammen yn 't earstoan, folle ûnder skûlnamme; dy hie er, lyk as Hjerre Gjerrits, yn great forskaet: Ids, Sanne Roels, In âldfeint, In Dissenter, In Minske. Yn boekfoarm is der mar in bytsje fan Postma útkommen: skriften lyk as Uet myn skrjuwboek (1889), dêr't S.K. Feitsma oer gear west hat; Trijeris trije! (± 1910), in bondeltsje kristlike foardrachten; mar fral Swealtsjeblommen (1891). In fiks en bilangryk wurk, dat lêste, mar it waerd net forkocht; sok geastich, pittich en gefoelich wurk foel der hjir doe net yn. Koene de Frysk-lêzers út de ein fan de 19de ieu net troch it hurde omskot hinne brekke, koene hja sa min in eigen lûd, in sterk persoanlike styl en in rike, krêftige tael wurdearje? ‘Hwet myn gerym ek bisit ef ûntbrekt, nei 't moed woe it roaije en taeste’, seit er sels nei wierheit fan syn wurk. De stoffe is net altyd like oarspronklik, mar jimmer is dy dreech forarbeide. De wrakseling om God, de flecht nei de mem, it drigen en lokjen fan de dea, it binne faek de greate motiven. Stikken as ‘As 'k stjer, as 'k dea bin’, of ‘Joast Jeltes en Pier Oenes’, meije gjinien ûnbikend wêze, dy't stúdzje fan de Fryske skriftekennisse makket. Folle stikken rinne net glêd en maklik, lykje soms tsjuster en fortiisd en binne net ienfâldich oan to eigenjen, mar altyd leit yn tael en fersfoarm it skaeimark fan de man sels. Fierwei it measte wurk fan Postma is net printe, leit yn hânskrift op de Kânslerij, of is al forslingere. It bistiet almeast út greatere fersen, opstellen, oersettingen (út sa'n tsien talen), toaniel (‘ik mis det talint alheel’) en oantekeningen oer it Frysk taeleigen. Fan bysûndere wearde is fral de samling ‘Olive- en Ikeblêdden’, (neffens eigen forklearring ‘út- en ynlânske spillen’), stimmich dichtwurk, binammen forskate psalmen dy't frij op rym brocht en útwreide binne. Postma sels roun fier mei dit wurk wei en der is grif ek folle by, dat útblinkt troch rykdom fan lûd en bisieling. Mear as ienris hat der fan útjefte fan dizze aparte samling leardicht sprake west, mar oant nou ta is der neat fan kommen. Ek foar bern hat Postma fortsjinstlik wurk skreaun. Gnappe fabels hat er makke en yn pittige koartdichten en grêfskriften kaem er Hjerre van der Veen soms op 'e side. Der is suver gjin genre dat er net bioefene, al is 't lang net altyd mei like goede útslach. De wurdearring fan dat allegearre wurdt gâns forswierre troch de hast oerdreaun-yndividualistyske ynslach yn styl, tael, - stavering soms ek - en ynhâld. It liket dat der gâns forsearring efter sit, mar lykwols is dit wurk spontaen en ympulsyf skreaun. Postma is in kenner fan de folkstael, mar hy bûcht dy foar syn doel neffens eigen goedfinen om. De dichttechnyk hat er ornaris goed yn 'e hân; syn dichterlikens is oprjocht, mar troch syn striidber en problematysk aerd driuwt er bytiden nei it | |
[pagina 133]
| |
rhetoaryske ôf. Folksskriuwer is er net, mar dêrom keart er him jit net fan de folksaerdige skriuwerij ôf: hy hat koartswyl jown fan in tige eigen soarte. Sa mei Gerben Postma in great talint neamd wurde, dat spitigernôch troch in pathologysk idée fixe en in minne selsbihearsking net ta folsleine ûntjowing en bloei kommen is. Hy hat folle oeral-helle, it Fryske lek en brek yn it ûneinige kritisearre, mar ek syn hiele libben wrotten foar Fryslân, dêr't er yn syn selsforblining dochs allinne ‘in hopeleaze tastân: alheel gjin takomst’ foar sjen koe. ‘Net evenredich genôch. Ut en troch in treflik moai eintsje, en dan ynienen wer to wyldseauwich, to stjitterich, to letterknechterich ek foaral. In kunstner fan opmerklike bitsjutting, dy't lykwol de foet net by de kûle to hâlden wit’, seit J.J. Hof fan Postma. Mar dr. G.A. Wumkes ornearret: ‘Fryslân stiet tsjinoer him yn 'e skuld’. It lêste wurd moat hjir ien fan earbied wêze foar de man oer, dy't it rjocht hie himsels ‘in minske’ to neamen, al wie hy ek noch sa'n ‘dissenter’. (Under de lêste skûlnamme skreau er in moai, soms djipgeand stik oer de mennisten: ‘In ynfrysk folkje’, Forjit-my-net, 1883, s. 152-173). Hwa hat himsels willemoeds sa bleatsteld as hy, hwa moast yn sa'n tragyske iensumens nei de ein heukerje? | |
Neisjen:Oer Tiede R. Dykstra: Nieuwe Fr. Volksalm., 1863, s. 5, (fan Van Loon); Fr. Volksalm. 1891, s. 63, (fan Winkler oer T.R.D. syn Hebel-oersettingen); Swanneblommen 1921, s. 84-91, (út de briefwiksel fan Dykstra en Sytstra); Wumkes, Bodders, s. 528; Paden II, s. 97; Boalserter Neiprintingen I (Trije Foar dit hiele haedstik en alle bisprutsen figueren is binammen folle to finen folksfoardrachten fan T.R.D., 1939; hwat rûge ynlieding fan Wumkes). yn: Tinkboek Frysk Selskip 1844-1944. Oer J. van Loon: Fryslân 1928, s. 67-69 (J.J. Hornstra Gs.); Swanneblommen 1920, s. 1, (Oersjuch fen de Selskipsskiednis, fan S.v.d. Burg); folle oer him yn it Tinkboek. Oer Harmen Sytstra: Wumkes, Bodders, s. 528-550; Sipma-Kalma, Harmen Sytstra-boek, 1918 (de stúdzjes; fral ek: G. Postma, In foech útreiske); G. Colmjon yn Forjit-my-net 1883, s. 49-94; Foarwurd fan O.H. Sytstra, Blomlêzing út de gedichten (2de pr., 1909); Foarwurd W. Dykstra, Teltsjes en Rîmkes fen H.S., (1867); dr. D. Kalma, Striid en Dream. In karlêzing út proaza en fersen fan H.S., mei ynlieding (1948); dr. D. Kalma, In Frysk Lieder, (Frisia 1930, ek apart útjown); E.B. Folkertsma, De Holder, I, 139; II, 28, 90, 142. Sjoch foar oare stúdzjes oer H.S., binammen fan dr. D. Kalma en ds. J.J. Kalma, de lêste syn Repertorium Frieslands Verleden (1955). | |
[pagina 134]
| |
Oer G. Colmjon: G. Postma, Yn ús eigen tael, 1909, s. 112; O.H. Sytstra, Swanneblommen, 1921, s. 13; J.J. Hornstra, Fryslân, 1929, s. 81 (mei list fan C. syn wurk). Yn boekfoarm is útjown de biografy fan de hân fan ds. J.J. Kalma, Gerben Colmjon, hoeder fan it erfskip (1946), mei folsleine bibliografy. Oer Johan Winklet: J.J. Hof, Fryslân, 1916, s. 97; deselde, It Heitelân, 1947, s. 14 en s. 31; dr. M. de Jong, Het Geheim van het Oera Linda-bok (1927); dr. G.A. Wumkes, Paden II, s. 458. Oer H.G.v.d. Veen: Wumkes, Bodders, s. 551-568; deselde, It Fryske epigram, Frisia, 1936, s. 63; G. Postma, Sljucht en Rjucht, 1907, s. 212; Forjit my net, 1887, s. 183; 1888, s. 108. Binammen dr. A.S. Wadman syn dissertaesje oer dizze figuer, 1955; tige folle sekuer nifelwurk, mar fan great bilang foar it forstean fan persoan, tiid en formidden. OerG. Postma: R.W. Canne, It Heitelân, 1925, s. 358 ensfh.; Wumkes, Paden II, s. 473-478; D. Kalma, De Fryske Skriftekennisse I, s. 158, (lytse kar út Olive- en Ikeblêdden). |
|