Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 78]
| |
1. De 19de ieu (oant 1848)Fuort al by it bigjin fan de 19de ieu rekket it lêste bytsje fan Fryslâns steatkundige frijdom ek jit wei: nei 1801 falt de Fryske skiednis yn dit stik fan saken hyltyd mear mei de Nederlânske skiednis gear. Dat forfal hat de tsjinwar fan in inkeling, lyk as Daem Fockema mei syn striid foar federalistyske steatsynrjochting foar kening Willem I syn sintralisme oer, neat oan foroarje kinnen. Troch de wize fan opgeande forkiezingen hat it folk gjin sizzen oer it regear, mar is de aristokratyske ynfloed tige great; de Fryske Steaten wurde bihearske fan ridderskip en patrisiaet. De kening docht hwat er wol, de ministers binne net forantwurdlik, de amtners blaze út in heech gat. As Woarp van Peyma en syn freonen yn 1849 nei Amearika ta emigrearje, jowe hja rounút as reden op: ‘Ontevredenheid met den maatschappelijken toestand en uitzigt op meerder vrijheid en levensgenot elders.’ Der binne lytse groepen dy't diel hawwe oan de wolfeart, mar de boeren hearre dêr ornaris net by; de longsykte, de mûzepleach, de ierappelsykte hawwe slimme gefolgen. De kriich mei België dy't op ôfskieding útrint, forheget de steatsskuld; it bilestingstelsel sit mâl yninoar, dat de kommizen wurde as greate pleagers biskôge; de sosiale forhâldingen binne raer fortribele en de earmesteat leit op in minne namme. De earmoede ûnder it folk trunet de hegerein ta filantropy oan, mar dy kin de ellinde net keare, likemin as it forbettere ûnderwiis dat kin. Lytse bern en froulju arbeidzje op spinbanen, tichelwurken en panfabriken. De ierappelsykte yn 1845 is mei in oarsaek fan opstannige biwegingen ûnder it folk en dan ek bigjint de emigraesje nei Amearika (1845 : 6; 1846 : 63; 1847 : 376). Boere-arbeiders binammen fortsjinje in bytsje, meitsje lange wurkdagen en moatte iten en drinken djûr bitelje. It bertesifer leit heech, mar it stjertesifer is ek skriklik, fral ûnder de earmen. De drank is faek de iennige taflecht; de opkomst fan de organisearre drankbistriding falt yn de fjirtiger jierren en is fan party Fryske skriuwers tige stipe. Folkssykten (koarts, cholera) nimme frijhwat minsken jong wei. Al dizze tastannen bifoarderje it liberalisme yn tsjerke (Grinzer rjochting) en steat (Thorbecke); it modernisme yn de theology kriget nou syn greate kânsen. Dêrfoaroer oppenearje har streamingen lyk as réveil en ôfskieding; ek oan dy kant wurdt wol field foar in losmeitsjen | |
[pagina 79]
| |
fan de bân tusken tsjerke en steat. Rounom wurdt it steatsdoel slim rasionalisearre; it militarisme yn syn moderne foarm, ûnder Napoleon hjir ynfierd, kriget fêste foet oan de groun. It sintralisme skout yn 1843 de Frjentsjerter akadeemje (athenaeum) en yn 1848 by de grounwets-wiziging ek de grytmannen oan 'e kant. De Provinsjale Wet fan 1850 wol neat fan desintralisaesje, neat fan gewestlike autonomy of selsbistjûr witte. Fryslân lit dat alles oer him hinne gean en swijt, op in inkeld forsille lûd fan protest nei. De Frysksinnige rounten hingje almeast de liberale kant oer; de nije geast, opwekke fan de foarútgong fan wittenskip en technyk, jowt by harren ek de toan oan. Tagelyk libbet der in sterke histoaryske sin; yn de tiid, dat stinzen en stompe tuorren by seksjes ôfbrutsen wurde, bisiket mannich skriuwer yn Genoatskipsútjeften, folksalmanakken en krante-artikels it folk leafde foar it forline by to bringen. De Aufklärung, - aerdich typearre yn Rinse Posthumus syn wurden: ‘O hemelsche verlichting en beschaving! welke zoete vruchten teelt gij ten dienste van ons menschen!’ - jit lang net útstoarn, wurket op seldsume wize troch de romantyske ynfloeden hinne. Dy romantyk oppenearret har hjir navenant sterker en ek eigener as yn Hollân. Wylst it bûtenlân yn dizze tiid party skriuwers fan wrâld-bitsjutting oanwize kin - yn Ingelân is de rige hast net oer to sjen, mar ek Frankryk en Dútsklân hawwe in lange list skoandere nammen - fynt Bilderdijk by mar in bytsje lêzers wurdearring, slagget it Potgieter en syn maten net hwat libben en fjûr yn de Nederlânske literatuer to bringen, bisiket Beets in foarm fan Hollânske humor to finen en rikke histoaryske romans as fan Van Lennep, Bosboom-Toussaint en Conscience mar inkeld oer de goede midsmjitte; Tollens mei syn húslike poëzij kriget ek gâns mear byfal as Da Costa mei syn ekstatyske tsjûgenissen. Yn Fryslân sjogge wy swierder potinsje en - bigryplikerwize - swakker prestaesje. By ien as Salverda treffe wy gâns fan it sentimentéle, fan it mystyk godstsjinstige fielen, fan de yntuysje foar en tawijing oan it nasionale, fan de ivige ûnfoldienens, langst nei it heimige en bitsjoening fan it tragyske, eigenskippen allegearre dy't de romantyk nea net frjemd binne. Ek yn oare figueren út dit haedstik sil fuort opfalle, hwat dan wol as de iensumens en mankelikens fan de ‘Weltschmerz’ of ‘la douleur de l' existence’ of ‘le mal romantique’ bineamd wurdt. Yn de hiele taelbiweging sa't dy har stadichoan mar daliks op in breed plan ûntjowt, wurket de taelfilosofy fan de romantyske rjochting dúdlik troch; de folkstael moat, lyk as alle ‘skepping fan de folksgeast’, op 'en djipsten en dus ek mei it hert bistudearre wurde. De antithetyske hâlding fan byg. Joast Halbertsma foar safolle tiidsforskynsels en ek | |
[pagina 80]
| |
foar Hollân oer, is bûten dizze sfear min to bigripen; dat jildt ek foar it wurk fan Rinse Posthumus, dêr't forskate kanten oan sitte. | |
2. De Halbertsma'sYn it hartsje fan Fryslân, yn it iensume, min tagonklike, mids marren en sompen lizzende doarp Grou (Grouwergea) komme de bruorren Halbertsma towrâld. Yn de earste helte fan de 19de ieu wenje der sa'n oardeltûzen minsken, mar dy't it folk yn de wide omkriten opsykje wol, moat ‘huzarereizen’ meitsje. Forkearswegen to lân binne der hast net, dat it silen moat de Grouster bern wol yn't bloed sitte, dêr midden yn it wetterlân. Sûnt ieuwen is it folkslibben hjir himsels allyk bleaun: gelikensheit fan standen, tsjinnichheit yn uterlike fortoaning, âlde seden en brûkmen. Yn de jonge jierren fan dizze ‘treftige boikes’ rûze de stoarmen fan de tiid der lykwols ek oerhinne. It âldershûs, fan Eeltsje yn ‘'t neitinken fan bernefornoegen’ mei sa'n ynlike greatskens bisongen, is ‘'t echte Fryske hûs’, dat de bern hâldfêst op de libbenswei meijowt. Pake en heit wiene beide bakker; yn de âlders Hidde (1756-1809) en Rjurtk Tsjalling Binnerts (1767-1809) libbe de geast fan de frije middenstân fan goed komôf; it witten fan gjinien syn slaef to wêzen, bliuwt de bern har libben lang by. Hja binne neffens Joast ‘uit 't echte nest der vrijheid gekipt’; dit demokratyske menniste-laech laket om poeha, forstienne deftigens, bining oan uterlik fatsoen. Eeltsje neamt himsels ris in ‘raauwe en goore vries, die zich niet aan de bonton steurt’. Joast karakterisearret de bruorren ris as ‘rare snaken, potsenmakers die er niet veel om geven, singulier volk.’ Alle trije hawwe yn har aerd in koartswilige, anekdotyske, mar ek faken in krityske, spotske, sarkastyske ynslach; rûgens yn erotyske uteringen is har net frjemd en hja draeije der nea omhinne. It soms hwat botte omskot forberget folle weakens, mankelikens, ûnwennigens; de romantyske tiidgeast nimt yn dizze typyske Friezen bysûndere foarmen oan. Hja ûnderskatte harsels net, mar rinne ek net mei harsels to keap; it slagget harren gauris, har skerp-útsprutsen persoanlikheit yn it folksaerdige to objektivearjen. Har wurk komt spontaen en net mei de bidoeling ‘literatuer’ to jaen. De stoffe is ynfrysk fan ynhâld; neffens de foarm stiet it fansels wol tige ûnder de ynfloed fan de tiid. Der wurdt gjin kwea mei sein, as men dit wurk in fuortsetting en útwreiding fan de 18de ieuske folks-skriuwerij neamt. De tiidgenoaten wurdearren it as ‘echt, oorspronkelijk, natuurlijk, naïef, recht aangenaam en onderhoudend’ en hja sille | |
[pagina 81]
| |
dêrmei bidoeld hawwe, dat it sûnder kunstichheit, opgnisserij, geleard-heitsfortoan of falske tearen wie. Wiene de bruorren taelstriders? Né, likemin as hja yn de tsjerklike, politike of maetskiplike beage to hâlden wiene. De smoute, losse praetsjes fan de soasjeteit flije har better as de karbrieven fan in foriening. Organisatoarysk steane hja ek bûten de Fryske biweging, sa't dy yn 1844 út it sljochtwei folk en de middenstân nei foaren kaem; sûnder de greate ynfloed fan it wurk fan de Halbertsma's is dy biweging lykwols net to tinken. Profetyske lieders, foarbylden, foargongers en oproppers binne hja net; hja lekje mear as dat hja leauwe, hja wolle ek net graech de noed foar oaren op 'e siel hawwe. Hja libje mear yn it forline as foar de takomst; fangefolgen is har wurk foar ús gefoel gauris to provinsjalistysk, to smout en to smûk, al hat binammen Joast faken in djip en oarspronklik ynsjoch yn it Frysk folksbistean. By alle biswieren en tokoarten is it dochs dúdlik, dat de Halbertsma's in great part fan it 19de ieuske Fryslân op tige eigen wize yn har wurk foarm en stal jown hawwe. Dat wurk is biheind, en likegoed geografysk, sosiologysk en psychologysk biskaet as de ‘Camera Obscura’, mar lykswol bliuwe de ‘Rimen en Teltsjes’ mei fan it bêste fan de hiele Fryske folksskriuwerij en fortsjinnet dizze bûnte samling de bineaming ‘klassyk folksboek’ mei it folste rjocht. Neifolgers hawwe de Halbertsma's genôch krige, mar in ‘skoalle’ hawwe hja net foarme. Hja steane ek as broers, en likegoed as de oare figueren dy't yn dit haedstik bisprutsen wurde, allegearre op har sels en elk giet syn eigen paed. Hja hawwe gjin mienskiplik doel, of it moast wêze fan it Frysk omheech to bringen, mar dúdlik binne hja paed-sljochters. Hja brûke sels ek it Hollânsk wol ta utering fan har tinzen en yn de djipste groun twivelje hja, yn de greate tiidsforoaring dy't hja bilibje, oan it soune fuortbistean fan Fryslân, mar hwat hja har folk yn alle gefallen foar eagen hâlde wolle, dat binne de deugden fan it forline: trou, oprjochtens, ienfâld. En sa is har wurk bytiden in kleiliet en in oanklacht, in weromsjen en in dream, in forhearliking en in idealisearring; ek as hja de minsklike kwalen yn in karikatuer werjowe en dan spotsk bistride, sit der hwat fan toloarstelling yn. Fan in oprop ta de died, ta reformaesje, ta omkearing en fornijing, is mar in bytsje to fornimmen. En dochs, al stjerre dizze mannen yn selskeazen forien-suming, - mar grif as stânfriezen op har post, - hja hawwe de groun-dearring lein, de tael liniger en riker makke en it biwiis levere, dat der yn it folkseigene yn in sloppe tiid jit sterke krêften wenje kinne. In jongere generaesje, dy't nei 1840 nei foaren komt, sil dat allegearre graech oangripe en yn heech bitrouwen, yn wurd en wurk, de ienheit fan Fryske skriftekennisse en Fryske striid bitsjûgje. | |
[pagina 82]
| |
Joast (of Justus) Hiddes Halbertsma (23 okt. 1789-27 febr. 1869) bilibbet yn de Grouster skoalle hwat fan de âlderwetske ûnderwiis-praktyk, mar wurdt al gau Ljouwerter. Dêr rint er de Latynske skoalle ôf - fan rektor V. Slothouwer en it ûnderwiis op dat stedsgymnasium jowt er letter in kostlike biskriuwing - en giet yn 1807 nei Amsterdam, dêr't er seis jier lang oan it Menniste Seminary en de hegeskoalle studearret. It lêste grif mei op memme oanstean: hja wie tige godstsjinstich, hie in waerm hert, ek foar de menniste saek, en wie goed ûnderlein. It is in swiere slach foar al de bern, as de beide âlden yn itselde jier 1809 wei komme to reitsjen, 52 en 42 jier âld. Joast liket der wolris oer tocht to hawwen yn de natuerwittenskippen fierder to gean - dat lei doe al yn de geast fan de tiid - mar it draeit dochs op dûmny út. Hy kriget û.o. les fan de âld-Grouster prof. Rinse Koopmans, dy't him grif op Gysbert Japiks wiisd hawwe sil; de professor hat ek it ienenoar oan de Gysbert-stúdzje dien, in ûnderwerp dêr't de learling syn master gau de baes yn wurdt. It treft tige bysûnder, dat Joast yn 1814 as menniste foargonger nei Boalsert slagget, dêr't er alle kâns foar archyf-ûndersiik kriget. Yn 1821 nimt er in birop nei Dimter oan; de tige aparte taspraek dêr't er fan dat bislút rekkenskip yn jowt, is biwarre bleaun. Syn lang forbliuw yn de Iselstêd is fol fan wederwarichheden; hy kriget dêr yn 1856 syn emearitaet en dêr stjert er ek, nei't syn wiif - in dochter fan syn Warkumer kollega ds. Hoekema; hja brocht in pear pleatsen mei, û.o. Sathe Westerein - en ek twa greate soannen him al foargien wiene. In lang, warber en fruchtber libben, in titane-libben suver, is dêrmei ôfsletten; it hat him net de wurdearring, achting en amten brocht, dêr't er neffens talint en prestaesje dûbeld en dwers rjocht op hie: syn rjochtút, spotsk en faken stûf en batsk aerd stie dat grif tofolle yn 'e wei. Joast Halbertsma is earst taelkundige, of leaver taelkenner; twad Frysk skriuwer en opfieder; tred folkskundige - en dan ien mei in breed eachweid - en yn it lêste plak dûmny, theolooch. Oft er mear as fjirtich jier mei hert en siel dûmny west hat, mei yn 'e kiif stean: hy hat syn kollega's net om 'e nocht sa ûngenedich bihannele en biskreaun. Hy is tige fordraechsum, útsein fansels foar it kalvinisme oer; de orthodoksy mei er al likemin lije as it prysterbiwâld fan Rome, al geane de goede wurken him fier boppe de genede-leare; it docht jin gjin nij dat de gods-tsjinst by him samar ta morael forwurdt. Dochs stiet er ek wol sa frij fan syn tiid, dat er yn it forsmiten fan de boppe-natuerlike wûnders yn de bibel net meigean kin. Frij, op alle gebiet fan it libben frij, dat wol Joast Hiddes wêze; alle geniale aksinten yn syn komplisearre karakter wize op dy groun-eigenskip. Hy is heechhertich, greatsk, earsuchtich, selsbiwust, koppich | |
[pagina 83]
| |
DR. JOAST HIDDES HALBERTSMA
| |
[pagina 84]
| |
en fan in sterk úthâlden. Yn wêzen seldsum gefoelich - lyk as Eeltsje hâldt er tige fan bern -, kin er oan de bûtenkant kâld, wreed, noartlik en fûl-sarkastysk lykje. In oar sil er net altyd neffens rjocht wurdearje en dy syn wurk slacht er faken ek net iens acht, mar sels kin er min krityk forneare. Yn syn wittenskiplik oardieljen is er iensidich en lit er himsels gau to fier gean. Mar inkelde ûndersikers fine genede yn syn eagen, greate mannen as Bilderdijk en Jacob Grimm byg., mar dy har freonskip is er dan ek tige wiis mei. Oan alle étiquette en konvinsje hat er lak: syn houn stjûrt er yn Dimter mei de wite dûmny's-bef foar de strjitte op; hwat kin er yn dat prachtich foarwurd by syn Mattheusoersetting it Hollânsk fatsoen ek útgnyskje: ‘Deftigheid is de alverzoenende deugd, dikwerf de eenigste deugd in Holland’, seit er dêr.
De wantastannen yn en tokoartkommingen fan syn eigen tiid giselt er fûl en feninich, satirikus as er fan hûs út is; it goede nimt er dêrom wol oan, mar dat sil er dan ek alhiel neffens persoanlike foarkar útsykje. Dy foarkar wikselt by sa'n temperamint wol gauris, hwant hy hat in brede bilangstelling, dêr't mar in bytsje systeem yn sit: ‘Hwat my oangiet, de holle stiet my fierstowyld om oan 'e ljidbân fan in oar to rinnen.’ Ofdoarmje, útwreidzje, oan syn ynfallen tajaen, snedige opmerkingen pleatse, dat mei er graech en dêrtroch wurdt syn wurk ek geastich en ûnderhâldend. Syn styl is masterlik: skerp, rjochtút, nea slop of lij, mei great forskaet fan toanfal en folsleine taelbihearsking, altiten tsjûgjend fan rike yntellektuele eigenskippen. ‘It geheim fan myn styl is: moed.’ Hat er de kar tusken in hwat ûnfoege sizwize dy't stiiffol libben sit en in mijen sintsje dat út ôfsliten wurden bistiet, dan nimt er grif de earste. ‘Zo'n spotboef’ wurdt er yn Hollân neamd, al binne dêr ek wol guods dy't syn greate bitsjutting sjogge. Mar dy barbaerske gelearde komt harren dan ek nea op de lije side oan; as er de forgetten Van Haren's byg. nei foaren hellet, moat de moadedichter Tollens it leksum oan-hearre. Syn wearze fan de Dútskers (dêr't er oars gâns fan leard hat) sil er nea net stil hâlde; de Ingelsken en Amearikanen dêrfoaroer mei er graech oer, dy stamme ommers mei fan de Friezen ôf!
Fryslân leit him it alderheechst, it stiet altyd yn it sintrum fan syn gâns omfiemjende stúdzje. Syn neiste kunde neamt him ‘Frisiomaan’, yn syn taspraek út 1821 foar de Boalserter gemeente biropt hy him der op, ‘dat ik niemand in zucht voor Friesche taal en Oudheid wijke’. Hy skriuwt Frysk, om de tael to earjen en yn stân to hâlden. As de greate oarsaek fan de efterútgong fan it Frysk yn syn dagen sjocht er it feit, dat dy tael sa folslein oan har lot oerlitten wurdt; fan de sprektael moat in algemiene lês- en skriuwtael makke wurde, dan bliuwe de âlde wurden | |
[pagina 85]
| |
(archaïsmen) ek better biwarre.Ga naar voetnoot1) It Frysk moat dus yn oansjen forhege wurde; it biwiis, dat it Frysk rounom ta brûkt wurde kin, kin jown wurde sadré der mar wer sokke skriuwers as Gysbert Japiks komme. Dêrnjonken is Joast ek de ‘preker’. Hy wol mei syn skriuwen de foaroardielen bistride en de seden forbetterje, fral troch de satire of it stikelskrift, dêr't it Frysk him sa goed ta lient, om sadwaende de minske syn wiere wezen sjen to litten. De lêzers moatte har ek yn har tael formeitsje kinne: ‘Wy wolle de minsken safolle wille dwaen as yn't weardshûs, en safolle leare as yn 'e tsjerke.’ En troch dit alles moat de Friezen har selsgefoel forsterke wurde, hwant ‘Friesland kon de toon aangeven en het loopt aan de leiband’, seit er flymskerp. Gauris treft jin yn sok sizzen de oerienkomst mei de Hollanner Potgieter, mar dr. Joast is minder boargerlik, ornaris wylder en fûlder, ek wol botter, mar net minder faek geastiger en mei mear oanstriid ta it geniale. Yn syn wurk preket Joast Halbertsma, dy't de dûmny's sa graech in opkiper forkeapje mei, suver oan ien tried wei; syn godstsjinstige tinkwrâld komt hast op elke side ta utering. Hy is oanhinger fan de natuerlike religy: ‘Al hwat edel, al hwat forheven is, sit yn de wylde natuer’, sa'n sintsje, en dêr it leauwe yn God, deugd en ûnstjerlikens by, en men hat in nijsgjirrich gearmjuksel fan romantyk en rationalisme. Oan de iene kant de tsjoenderij-teltsjes, de sémans-aventûren en de swier-romantyske forhalen lyk as ‘It Grouwe Pak’, oan de oare kant it oanrikkemedearjen yn typyske Nutspreekjes fan maetskiplike deugden lyk as goederjowskens, fordraechsumens, gemiensumens, earlikens en gastfrijens. Mar foàr alle romantyk en morael wurdt der earst dochs om de suverens fan de tael tocht; de krêft fan de styl, de rykdom fan it taeleigen, de glâns fan de folkshumor, dy trije moatte rom bod hawwe. Sa wurde sokke forhalen as Miswier, De twadde joun, It Grouwe Pak, It heksershol, ensfh., los en flot forteld, it rôllet der allegearre sa ienfâldich mar yn geve folkstael hinne, en de foarleafde foar histoaryske en anekdotyske bysûnderheden forheget de kleurigens fan it gehiel en soms ek de spanning safolle, dat dit wurk der wol tige ynfalle moàst. Party lêzers achtsje it in griis, dat dr. Joast bytiden to slim tajown hat oan syn sucht nei it rouwe en botte, al kinne hja dat as réaksje op safolle eptich en skynhillich fatsoen bigripe. Oaren kinne dit naturalisme wol wurdearje; der sit hwat fan de sounens en direktens fan Rabelais yn, sizze hja, en it is nea smoarch of fordoarn. Yn beide oardielen sit hwat | |
[pagina 86]
| |
wiers, mar dr. Joast hat him net altyd genôch mijd om it Frysk fan ûnrjochtfeardige forwiten fan bottens en lompens frijpleitsje to kinnen. Fan de neamde forhalen moatte wol ûnderskaet wurde de petearen lyk as ‘Doch dyn plicht en lit de lju rabje’ en ‘De lju fan de pomp’. De fortsjinste leit wer yn de maklike, libbene dialooch, dy't lykwols in inkelde kear to wiid útspoun wurdt, de erflike sûnde fan de romantyk en ien fan de weinige lekken en brekken fan dr. Joast syn skriuwerskunst. Yn de satiryske brieven oan en fan Eölus komt dat ek wol út, mar dêr mei it gjin kwea. It oare wurk fan dr. Joast yn de Rimen en Teltsjes bistiet út koarte stikjes en oantekeningen, byskriften by dr. Eeltsje syn fersen en in pear bernegebetsjes. Hy hat mar in lyts tal fersen skreaun, mar dêr binne tige bysûndere by: ‘De lêste Freon’ en ‘Jountiids Wémoed’ roppe yn har soberens en koartens in sterke stimming op; ‘Sibbel fan de Ryp’ is in pittich en geef rym, folksaerdich, foarnaem en Frysk fan wêzen. Bûten dizze bydragen hat Joast Halbertsma jit gâns útjown en faeks jit mear yn hânskrift neilitten. Op it stik fan de taelkunde wied er in paedwizer hwat de stavering, de fonetyk, de dialektstúdzje, de lexicografy oanbilanget; syn net ôfmakke wurdboek Lexicon Frisicum (A-Feer), dat yn 1876 forskynd is, hat de grounslach lein foar it Friesch Woordenboek fan W. Dykstra. Oan tekstforklearring hat er in soad dien; de biografy fan forskate Fryske skriuwers hat er op treflike wize gearstald en foar de Gysbert-stúdzje is syn fortsjinste tige great. De oersetting fan it Mattheus-evangeelje yn it Frysk út 1858 is, mei de taljochting dêrop, suver ta in taelmonumint wurden. It Easten Noard-Frysk foelen net bûten syn eachweid, syn folkskundige stúdzjes (byg. oer Hynljippen) wurdt jit altyd tige folle omtinken oan jown en mei syn samling âldheden hat er de stjit jown ta de oprjochting fan it Frysk Museum. En dan is hjir lang alles jit net neamd.
Eeltsje Hiddes Halbertsma (8 okt. 1797-22 maert 1858) is yn syn jongesjierren net al to soun, giet fan 1810-'14 op it Ljouwerter gymnasium, wit earst net hwat er wurde sil, mar bigjint ein 1814 to Leijen syn stúdzje yn de medisinen. Hoewol wees, hat er it net earm; it learen giet him maklik ôf en bigjin 1818 giet er al nei Heidelberg om syn oplieding ôf to sluten. Heidelberg is dan in kearnpunt fan Dútske romantyk en jong liberalisme, in moai oarde dêr't de literatuer in wichtich plak ynnimt. Eeltsje bliuwt dêr in goed healjier, makket mei dûmny Joast in tocht troch it Súddútske berchlân en promo-vearret oktober 1818 to Leijen op in proefskrift oer it lichumsgewicht fan de minske. Dan festiget er him yn Poarmerein, kin dêr net aerdzje, | |
[pagina 87]
| |
Dr. EELTSJE HIDDES HALBERTSMA
| |
[pagina 88]
| |
set him wer yn Grou nei wenjen en bliuwt dêr as plattelânsdokter hingjen, al hearde er neffens syn oplieding better yn de stêd thús. Yn 1823 trout er mei in Boalserter boargemastersdochter, mar dat wurdt gjin lokkich houlik; Baukje Fockens is swiersettich en sinnich en forstiet de losse, fleurige, weake en rûge dichter mar min. Sa njonkenlytsen kriget dr. Eeltsje in aerdige praktyk en gâns omgong mei it folk - hy mocht graech yn de herberge sitte en oan it soasjeteitslibben meidwaen - mar letter wurdt dat allegearre minder. Syn lêste libbensjierren binne tryst en tragysk: trije fan syn fjouwer bern stjerre foar him, hysels kin it nearne fine en siket forjit yn de drank, syn praktyk forrint en dêrom docht er dy mar oan syn soan oer. Dan reizget er by syn folk lâns, giet allinne nei Ljouwert to wenjen en komt in wykmannich foar syn dea yn Grou werom om dêr to stjerren. In libbensbyld fan de romantikus, dy't op ierde mar gjin fêst en bliuwend plak fine kin! In libbene forbylding, in waerme gefoelichheit,Ga naar voetnoot1) in great poarsje bizigens dy't soms yn skerpe tûle mar faek yn mankelikens oerslacht, in tokoart oan selsbihearsking, in opstannich frijheitsfielen, twivel oangeande godstsjinstige fragen, forfeling en ûnwennigens, al dy eigenskippen binne likefolle kanten fan syn dichterlik wêzen. Mar al is Eeltsje it oarbyld fan de Fryske romantikus, de folksaerdige natuer- en leafdelyryk, de sjongsume lieten, de deads-fersen en histoarjesangen, it striidbere protest (Batthyany's dead, De Grytman), de âlde sechjes en teltsjes, it hie allegearre sá net ûntstean kinnen, as Eeltsje de doop fan de Dútske romantyk net ûndergien hie. Syn libben lang is er liberaler as syn broer Joast, dy't yn it politike gauris nei de goeije, âlde tiid tobeksjocht; altyd ek skriuwt er om to fortellen, syn fielen to uterjen, en net om to sedepreekjen. Taelsuverens koe him frijwol neat skele, mar krêftige en krûdige sizwizen wied er hjit op. As de stavering tige ienfâldich to lêzen wie, wie't him al lang goed. Koe er syn wurk neffens eigen bitinken troch inkelde grouwélige hollandismen oannimliker meitsje, dan die er dat grif: hy woe en soe folksdichter wêze. Dr. Joast, master yn de taelkundige en literaire krityk, moast it dan mar bislypje en bywurkje, hy koe der gjin drokte mei ha. As it wurk mar flot en sljocht wie, sûnder | |
[pagina 89]
| |
Hânskrift fan Eeltsje Halbertsma; in brief oan syn broer Joast út it iere foarjier fan 1823, plakt yn de tredde printinge fan De Lapekoer (eks. Prov. Bibl. Ljouwert). It fers is, hwat foroare en mei in oar slot, printe as ‘Geale' sliepke’ yn de ‘Rimen en Teltsjes’. Op 'e oare side fan dit hânskrift stiet û.o. jitte: ‘Het kan zijn dat ik wat te mal met dit mijn kind ben, maar ik geloof, dat ik in dit stuk geen valsch vernuft aan den dag leg, eene zeldzame verschijning in de hedendaagsche poëtische waereld’.
| |
[pagina 90]
| |
heechdravends of geleardheitsfortoan, stie it him oan. Dat makket, dat binammen it greatere fersewurk op de hjoeddeiske lêzer gauris de yn-druk makket fan rymlerij to wêzen, mar hoefolle stikken fan mear forneamde dichters út oare lannen soene dan net ûnder itselde oardiel falle moatte? Dy't it kunstbigjinsel fan syn eigen tiid forabsolutearret, moat de skiednis fan de skriftekennisse dan mar as ien lange ôfstraffing biskôgje... Ynfloed op syn poëzij hat dr. Eeltsje grif ûndergien fan de Alleman-nyske folksdichter Johan Peter Hebel (1760-1826). De wizen roppe by Eeltsje faek de wurden op; mar selden jowt er hwat dat op in oer-setting liket, meast is it in folsleine forfrysking. Hoe âlder er wurdt, hoe mear it direkte yn it filosofyske oergiet, mar ornaris bliuwt de barm-hertichheit mei de minske de grountoan. Nea steane de bernefersen en widzesangen fier ôf fan de elegyske lieten, mei har ientoanige motyf fan wémoed, dead, grêf en tsjerkhôf. Ek as de skildering mei hwat fleur bigjint, forfalt hja gau yn mineur; in ein yn evangelyske romte as ‘It liet fan in earm man’ komt mar inkeld foar. De prozaïst Eeltsje Halbertsma is it foarbyld fan de humorist, dy't tagelyk ironikus, satirikus en komikus is (De Reis nei de Jichtmasters; De klúnskonk fan ús âld domeny; De Noarger Rún; De Treemter). De Jonkerboer is mear in ramtfortelling as in novelle; it forhael liket swak fan komposysje en hat hwat altofolle bywurk, mar it gehiel oertsjûget en nimt mei troch waerme sfeartekening en rike, faek earnstige en fredige ynhâld, as koe it om Krysttiid hinne allinne sá en net oars wêze. Oan wurdearring foar syn wurk hat it dr. Eeltsje by syn libben net ûntbrutsen. Tsjibbe Gearts rôp yn 1880 út, doe't er it oer Eeltsje syn ‘De winter fan 1624 yn it wetterlân’ hie: ‘O! kreft fen tael, o! diepte fen fieling. Unútslytber moat de namme wêze fen him, dy sa wier en treflik wist te skriuwen. Dat is rym boppe de wixeling der tiiden!’ In goed trêddelieu letter doarst in dryste jongerein dr. Eeltsje ‘komselden dichterlike bisieling’ ta to skriuwen. Beide oardielen binne oerdreaun en dr. D. Kalma hat him letter ek foarsichtiger útlitten. Dr. Eeltsje is yn syn fersen net allinne earlik, ienfâldich en sjongsum, mar grif ek tige dichterlik. Hy makket it himsels lykwols gau to maklik, de earste ym-puls moast it him dwaen. Omarbeidzjen hâldde er net fan en op de tael die er net folle flyt. Likemin as yn syn libben, hat Eeltsje Halbertsma yn syn wurk ta harmonij en forsoening komme kinnen. Njonken de fleurige, lichte toanen (Boalserter merke) is der al gau de mankelike, pessimistyske ynslach (Deagraverssankje, It Libbensein). Der is in tragyske twaspjalt: teare bernlikens en lugubere spotskens, blide of wylde boartlikens en sombere meditaesje, rouwens en sentimentélens wikselje elkoar ôf. It | |
[pagina 91]
| |
motto dat er fan Heine by De Jonkerboer pleatst hat (‘It libben is yn 'e groun sa needlottige earnstich, dat it sûnder dizze forbining fan it oergefoelige mei it komyske net út to hâlden wie’) seit genôch oangeande in swiersettich birêsten. Dêrom rint de grappige trant ek wolris yn in forkeard spoar, dêrom komt ek hyltyd it oantinken wer boppe oan it âldershûs, oan de berne- en feintetiid, doe't alles nommen waerd sa't it libben it joech. Fersen as It Marke, De Terp, It Puolke, Skink ris yn myn faem, Oan in berntsje yn de oare wrâld, Skipperssankje, Grouster weagen, kinne sûnder oerdriuwing suvere folkskunst neamd wurde: ienfâldige mar djipgeande utering fan in bilibjen, hwer't it lok fan de wémoed net yn to skieden is. Mar de Grouster dichter hie mear snaren op syn fioele: in fers as De Alde Friezen - it Frysk Folksliet is der út oernommen - biwiist, dat er it oplibjen fan de folksgeast mei blidens seach. Net allinne om syn folk in noflike pear ûren to bisoargjen, mar ek om de frijdomssin ûnder syn lânslju fuort to sterkjen, hat er skreaun. De kearside fan it frijheitsstribjen wie er lykwols net blyn foar (Minne Jorrits Reis nei it Kollumer Oproer). It docht gjin nij, dat dr. Eeltsje yn it lêst fan syn libben in bondeltsje oersettingen fan de bêste Platdútske rymkes fan de Dytmersker dichter Klaus Groth útjoech ûnder de namme De Quickborn: deselde weake stimming, sentimentélens en idyllyske idealisearring fan it folkslibben as safaek yn dr. Eeltsje' eigen fersen foarkomme, treffe wy hjir ek wer.
Tsjalling Hiddes Halbertsma (22 jann. 1792-12 des. 1852) hat net ‘leard’; hy is bûterkeapman to Grou, makket as sadanich in keardel út en hannelet op Londen; as skriuwer is er net produktyf, mar nimt in eigen plak ûnder de bruorren yn. Syn wurk jowt er wol út ûnder de skûlnamme Master Jouke (byg. ‘Sets en Tzjerk yn Snitser merk’, de sang dy't syn talint fan útbyldzjen fan folkslibben en folksynstinkt ek masterlik typearret) of ûnder de letters T.T. (Tsjalling Tsysker). Troch oanliz en affearen koe er it bistean en de smaek fan it folk as ien en hy wist dat ek wer to jaen; syn wurk is geastich en pittich, yn folksaerdige trant, ek mei in satiryske ynslach. Folle is it net: in stikmannich almanakstikjes, forskate heilingen (kleurde berneprinten mei Fryske tekst, dêr't er ek in sâltkerltsje yn kwyt koe), Grouster weachbriefkes, it foarwurk fan de Skearwinkel fan Joutebaes, en ien of mear nûmers fan De Roeker. Dat wiene bledtsjes mei petearen oer allerhanne misstannen, - it bankerotslaen, it tarren op oarmans bûse, de ûnkunde yn de polityk, it stimrjocht, - in rige, dêr't ek M. de Haan Hettema en R. Posthumus oan meiwurke hawwe; doe't dy it Tsjalling net nei 't sin diene, is er mei de útjefte ophâlden. Dat lytse spul foel der oars tige yn | |
[pagina 92]
| |
lyk as ek it ‘Friesk Spjealdeboek. It libben in de Wiersizzery fen Maaike Jakkeles oon de Frieske fammen’ (1836). It is folkslektuer, skreaun fan in libbene geast dy't it Frysk út 'e pin koe; foar de taelbiweging hat it grif fortuten dien. As útjower fan Frysk wurk út it lêst fan de 18de ieu hat Tsjalling ek goed wurk dien.
Untstean fan de Rimen en Teltsjes. Wintermoanne 1822 kaem der to Dimter in lyts boekje út, 36 bledsiden yn almanakformaet, yn 200 eksemplaren printe en net yn 'e hannel. It wie ‘De Lapekoer fen Gabe Skroar’ en der stiene gjin skriuwersnammen op. Joast Halbertsma hie it printsje litten om it oan famylje en freonen presint to jaen. Der stiet mar in bytsje yn: seis fersen (Boalserter merke, Widzezang, Jonker Pyt en Sibbel, Deagraverssankje, It famke, It libbensein) en ien proazastikje (Utfanhûs by de boer). It boekje foel der sa bêst yn dat it oerskreaun en opkocht waerd. Prof. E. Wassenbergh wie der tige bliid mei, foun rym en ûnrym echt en oarspronklik, mar neamde de stavering ‘erbarmelijk’. Gjin niget, dat yn 1829 ‘foar ien fan Gabes folk’ in twade printinge útkaem, nou yn 'e hannel en samar útforkocht. It boekje is nou al 237 siden great; Skipperssankje, It Marke, De reis nei de Jichtmasters, It Boalserter Nut, Miswier, Trije Gebetsjes, De Alde Friezen, en sa mear binne der bykommen en 't is al gâns in rychje wurden, dat ‘register fan alle lapen, mei de nammen fan de beide ljoue, dy se yn 'e koer foon hawwe’. Fan in tsiental lieten wurdt de muzyk tafoege. Eeltsje hie bang west dat Joast tofolle sarkastyske tajeften by de fersen dwaen en dus de golle, fleurige en sêfte Gabe it bearefel oanlûke soe, mar dat bitearde net sa min. En dan yn 1834 forskynt de tredde jefte, nou in foech 500 siden op greater formaet, dizkear hwat lang weibleaun om't Joast in wittenskiplik better forantwurde stavering ha woe. Dit boek, yn tolf jier tolfkear sa great wurden, is daliks al in folksboek, dat mannichien ta it Frysk bikeart. Rinse Posthumus erkent yn de beide broers syn masters en fan alle kanten wurdt der lof sprutsen (byg. fan W. Bilderdijk en M. Siegenbeek). Dizze Lapekoer is de ‘oerfoarm’ fan de Rimen en Teltsjes. It is in ‘frame-story’, in ramtforhael neffens romantyske wizânsje, dêr't Gabe de persoan yn is, dy't it ûnderlinge forbân tusken de stikken útmakket. In wize fan dwaen dy't hjir tige natuerlik en sûnder forsearring tapast is; it yn de opfolgjende printingen nij bykommen wurk foeget him fansels yn dit ramt, dat sadwaende soun fan opset en libben fan forskaet blykt to wêzen. Mannich ienfâldich lêzer koe yn dy dagen net oars bigripe, of Gabe hie yn wierheit bistien, fortelt Tsjibbe Gearts letter. | |
[pagina 93]
| |
Titelpagina fan de earste printinge fan De Lapekoer.
| |
[pagina 94]
| |
En elk moat it tajaen: folkseigener, wierder, oarspronkliker, koe sa'n forbân net maklik útfoun wurde. Fan 1836-'58 forskine dan sa tydlingswei in stikmannich ôfsûnderlike wurkjes fan de beide bruorren Eeltsje en Joast. Yn 1836 byg. ‘De Noarger Rún oan Gabe Skroar’ - mei op it omslach in ironyske formoanning foar de ûnderwizers om de bern fral gjin Frysk to learen, - yn 1840 ‘Twigen út in âlde stamme’, yn 1854 ‘Leed en Wille’, yn 1858, nei dr. Eeltsje syn dea, ‘De Jonkerboer’. Dr. Joast bigjint tsjin de ein fan syn libben dat allegearre en mear to sammeljen, mar hy sjocht it klearkommen fan de Rimen en Teltsjes yn 1871 sels net mear. Nije printingen forskine yn 1881, 1887 (alhiel neffens dy fan '81), 1895, 1918 (ryk yllustrearre fan Ids Wiersma), 1944, wylst de sawnde printinge kommende-weis is. Alles hwat de trije bruorren skreaun hawwe is der net yn opnommen, mar lykwols is it in gehiel: in samling libbene dokuminten fan in forgiene ieu; in skilderij, ryk oan figueren en kleuren, dêr't men net gau op útsjoen rekket; in bûnt grienmank mei dúdlik patroan. Fryslân soe frijhwat earmer wurde, as it dit wurk gjin acht mear sloech. De ynfloed fan de Halbertsma's wie great. Neffens Tiede Dykstra soe it ‘Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse’ der licht net kommen wêze, as hja net skreaun hiene. Harmen Sytstra syn bigjinwurk is ynspirearre fan de Lapekoer. Hjerre G.v.d. Veen jowt heech op fan de ‘thîge bewitenskippe hear Dr. J.H. Halbertsma, en man, dy as wîsgear, aldheit-, skied-, tael- end minskekenner wol thîge by thîge en forljeacht bern der XIXe ieu neamd wirde mei’. Tsjibbe Gearts dichtet ta de neitins fan dr. Eeltsje: ‘Al waye nou de gêrsen oer dîn holle, Dîn greatme blieut for wis, ta 't lêste slachte, By Frîslâns bern în seinjende gedachte’. Fan de Lapekoer forskynde in Dútske oersetting fan K.J. Clement (1846), in Hollânsken-ien fan J.J.A. Gouverneur (1860); de lêste fortaelde ek de ‘Twigen út in âlde stamme’. Earefersen, earestiennen, bitinkingsartikels, redefieringen, boeken, folle-net-genôch, binne oan de bruorren Halbertsma wijd; de greatste eare dy't harren biwiisd wurde kin, is lykwols jit altyd: harren neifolgje yn trou oan en leafde foar Fryslân. | |
3. Rinse PosthumusRinse Posthumus (30 okt. 1790-28 sept. 1859) is in Ternaerder boeresoan fan goed komôf; sels wurdt er gjin boer, sa't it doel wie, hwant de boeken hawwe him al jong yn 'e macht. Earst sil er ta dokter leare, mar it wurdt dûmny; yn 1813 slagget er as helppreker nei Waek- | |
[pagina 95]
| |
sens en Brantgum en in pear jier letter wurdt er dêr ek biroppen. Hy bliuwt dêr oan syn dea ta en al dy jierren kriget er ek net ien inkeld birop earne oars hinne. Hy en syn foargonger bitsjinje mei har beiden de gemeente langer as in ieu. Yn syn feintejierren is er gauris hwat oerspand fan geast; dan hawwe de swiersettigens, de trystige ûngeduerigens en it wrâldwé him foargoed to pakken, faeks ek troch to stûf studearjen. Letter wurdt er blider en fleuriger; hy trout yn 1816, kriget trije dochters en wit yn in lokkich houlikslibben stadichoan syn oergefoeligens hwat to bihearskjen. De inkelde freonen dy't er hat, fral Joast Halbertsma en de lânboukundige Woarp van Peyma, in sweager fan him, is er tige genegen, mar fierder is er hwat iensum en it selskip fan kollega's sil er net it earst sykje. Dochs is er wol folksman, al is it dan ek út de studearkeamer wei; hy hat in tige meilydsum aerd en kin gjin ûnrjocht forneare.Ga naar voetnoot1) De maetskiplike sitewaesje en ûntjowing geane him tige nei oan; syn libben lang sjocht er tige heech by de boerestân op en achtet er dy de piid fan it folk to wêzen. Al jowt er soms de yndruk fan in roppende yn de woastyn, hy wol fan gjinien ôfhingje en bûgje foar de útlanner sil syn lêste wêze. Lyk as dr. Joast Halbertsma achtet er de frijdom, as it spesifyk-Fryske, op alle gebiet it heechste bigjinsel; dêrnjonken earet er de tigens, de ienfâld, de wearze fan alle deftige en lege foarmetsjinst. Oertsjûge liberael as er is, sjocht er it libbensdoel yn reine godsforearing, suvere minskeleafde en iepene, ûndogmatyske hâlding. Hy is warber en hat greate plannen: praktysk wurkje foar it greatste lok fan it heechste tal minsken, is syn ynlikst bigearen. De romte fan ûntjaen, oars as yn syn skriuwen, kriget er lykwols net; hy bliuwt de hwat frjemde man, de theologyske en politike ketter op de iensume terp. Foar de rounten dêr't it Frysk Genoatskip út ûntstien is, hat er syn krityk en soms syn ôfwizing; de Ljouwerter frisiasten binammen binne him fiersto Hollânsk. Fangefolgen lûkt er him, fral letter, hyltyd mear yn 'e stúdzje werom en is er lokkich mei syn leafde foar en toarst nei wittenskip. (Ut in brief fan ein 1854 oan dr. Joast: ‘Ik libje ir nou meer stil hinne: heer in sjoch, wat ir sa al for nijs bart, as dat heren in sjean fortjiennet, in tink der dan minen oer’). Lyk as Joast Halbertsma studearret er mear yn de germaenske (fral noardske), as yn de klassike talen; de ynfloed fan de | |
[pagina 96]
| |
romantyske taelskoalle giet him ek net foarby. Hy hat in bêste bibleteek en bliuwt tige op de hichte mei de hiele kultuer fan syn tiid. As de swalkjende Ingelske keapman-politikus-literator John Bowring him yn 1828 opsiket, - syn forbliuw yn en birjocht oer Fryslân hat in bulte heibel oproppen, - is dy tige binijd yn sa'n doarpke sa'n Shakespeare-kenner en Frysk skriuwer to finen. Posthumus hat wurk yn great forskaet jown. As dichter kaem er yn 1824 mei syn ‘Prieuwcke fen Friesche Rymmelerije’ foar it ljocht, in moai boek fan fier oer de hûndert siden. Lyk as safolle lju fan de Wassenbergh-skoalle, lyk as Salverda en Windsma ek, is er troch it lêzen fan Gysbert Japiks oan it Frysk skriuwen rekke, dat dy syn ynfloed is yn tael en stavering skoan to fornimmen. Njonken in stikmannich loffersen steane der godstsjinstige sangen yn, (dêr't ‘Gods greatme ijn it greate in ijn it lijtze’ wol it bêste fan is), en in seistal ‘rijmmen uwt Friezlânz Schijdnis’, dêr't er mei tankberens en fol fjûr Fryske helten lyk as Edo Jongema, Gemma fan Burmania, Duco Martena, Greate Pier e.o. yn bisjongt. It is allegearre almeast droech, stiif en dreech wurk, dat mear út oprjocht wollen as út dichterlike bisieling berne is, mar dochs is it fan great bilang troch opset, ûnderwerpen en sfear. Yn in twad bondeltsje, nou mei gâns ûnrym der by, ‘In Jouwerkoerke fol Frysk Griemank’ (1836, yn 1846 jitris útjown) bisiket er it mear de kant fan de folksskriuwerij út, mar it bliuwt allegearre fiersto yntellektueel. ‘Hoe'n bytsje sang en melodij yn in rymstik, hwerfan de fersbou it foardragen of it lêzen biswierlik makket’, oardielet Tsjibbe Gearts. It is ek op-en-út tendins-wurk, lyk as safolle Fryske skriften út de 19de ieu; hy wol der de sin foar rjocht, wet, oarder en folksdeugd as de iennichste goede grounslaggen fan de boargerlike frijdom mei forsterkje. Ek it wurk út syn lêste jierren (farwolsang foar Woarp van Peyma by dy syn emigraesje nei Amearika; leedsang op de dead fan Eeltsje Halbertsma) lit gjin oare kanten sjen: it is earnstich, weardich soms, mar faken ek bitocht en rhetoarysk. ‘Hy liket op de man dy't komposysjes meitsje woe, mar dy't it muzikael gehoar ûntbriek’ (Tsjibbe Gearts). Posthumus' oersettingen fortsjinje ek net alderearst om har literaire wearde ús wurdearjend omtinken; de lekken en brekken fan it oarspronklike wurk hingje ek dizze fortalingen oan. De sin wurdt sa goed mooglik werjown, mar de foarm is faek ûnhandich, de tael knoffelich en dêrtroch giet der tofolle fan it origineel forlern. En dochs... Yn in tiid dat der yn Nederlân in binaud bytsje oandacht foar Shakespeare bistiet en mannich pielder dit geny wol biskoalmasterje doar, set Posthumus earst de ‘Keapman fan Venetie’ en de ‘Julius Caesar’ oer (1829), letter it blijspul ‘As jimme it lije meije’ (1842) en brokstikken út ‘Hamlet’ en ‘Hindrik VIII’, wylst de oersetting fan ‘De Stoarm’ net fierder as it | |
[pagina 97]
| |
hânskrift kommen is; Tiede R. Dykstra hat foar de útjefte fan it lêste stik krewearre, mar der kamen gjin genôch yntekeners. It ‘boerefrysk’ komt mei dit wurk fuort op it heechste plan to stean en hat sels in foarsprong by forskate oare talen. Net om de ûnfolsleine risseltaten, mar om it moedich ûndernimmen, breed ynsjoch en dreech úthâlden is dizze Shakespeare-oersetting fan de greatste bitsjutting. En Posthumus lit it hjir ek net by bliuwe; fan de bêste skriuwers út eigen en earder tiid set er lytsere of greatere stikken yn it Frysk oer, (‘Moarnen Joonsankje fen ien boer’, nei Matth. Claudius; fan Lessing, Lafontaine, Pope, Lamartine, Goldsmith, Herder, ensfh.; fan Pascal de ‘Pensées’ yn it Hollânsk). Hy wol syn folk blykber de greatste foarbylden foarhâlde, dat it der fan leare sil. Tsjûgje, oantrune, oproppe en paedwize, hy koe net oars. Datselde wol er ek yn syn polityk-ekonomysk wurk. Op de earste trije nûmers fan ‘De Paadwiser’ út 1841 nei, (skriftkes yn de trant fan Tsjalling Halbertsma syn rige ‘De Roeker’ út 1832-'33, dêr't Posthumus ek oan meiarbeide hie), is dat allegearre yn it Hollânsk skreaun. Der binne frijhwat brosjueres fan him bikend oer de striid tsjin de misstannen yn it tsjerkbistjûr, oer de ôfskieding, oer it opkommend sosialisme, oer pastoarij- en skoallebisit, oer filantropy, en folle-net-genôch. De styl is droech, mar de ynhâld earlik en rjochtút. Sa nou en dan wurdt er fûl, lyk as yn syn ‘Woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgend Friesland’ (1840), of as er mei ynhâlden hertstocht útropt: ‘...hoe laag zijn wij gezonken... De naam vrije Fries is in mijn oog het scherpste pasquil, dat er op ons gemaakt kan worden.’ Altyd stiet Fryslân, en dat is foar him itselde as it rjocht en de frijdom, yn it formidden. Yn syn wittenskiplik wurk is dat likegoed it gefal. Syn ynliedingen foar syn Fryske útjeften, syn listen fan Fryske wurden yn ‘De Vrije Fries’, it boek dat er mei De Haan Hettema skreaun hat oer ‘Onze reis naar Sagelterland’ (1836), it tsjûget fan leafde foar lân en folk en fan syn útsjen nei de tiid dat Fryslân wer krêftich foar syn eigen bisit doar to libjen. Yn 1824 jowt er as doel fan syn wurk oan: ‘Oon dij taele to bouwjen, her op to snolckjen; ijn her Gods lôf; de eere in it lock fenne Christene deugd to besjongen; de greate mânnen fen uwz lijts lân, oarz faeck forgetten, uwz selm to in swiepe in spoare for uwz eagen to pleatsjen.’ Yn 1829 is it doel ‘om uus Friesene taal, aard, menearen in lok, want dit alles iz mar ien ding, to schoarjen, stijvjen in oerein to hâden.’ Yn 1841 is syn lûd twiveliger; dan skriuwt er ‘om dij taal noch in bytsje yn ere to hâden, der't jae lanch om let uutsteart.’ Yn 1854 tanket er dr. Joast foar it tastjûren fan ‘Leed en Wille’, neamt er dat wurkje ‘in sinneblink yn Uus ljeaf Fryslâns tjuust're nacht’ en winsket er syn | |
[pagina 98]
| |
freon ta: ‘Mat einlinge ek it frysk weiquine, blieuw Jou't jiett' lanch mei glâns beschinen!’ Sa nimt op de âlde dei syn pessimisme ta, mar lykwols arbeidet er in libben lang foar Fryslân: ienfâldich, dimmen, warber. Fan syn wurk gyng net folle ynfloed út, mar syn persoan en aerd twongen ûntsach ôf. Hjerre G.v.d. Veen, yn mannich opsicht oan him yn de geast bisibbe, skreau by syn dea: ‘Trochkroept yn alde in nije spraek, Oerroun fen frysk yet 't hert him faek, As hy de scrift forkljerre; Dy “dwaelgeast” dy nin “soenboarg!” koe, Fen hel noch dîwel witte woe, Sels “Jacobs God” net hjerre!’ En Colmjon, syn skrutene neifolger yn de Shakespeare-oersetting, skreau datselde jiers fan Posthumus: ‘Dy stege, stoere geast! Hy, dy't yn't Frysk fen God en godstsjinst skreau, Ja, 't weagje doarst om op 'e preekstoel sels Der fad'ren tael to sprekken.’ Gjin great skriuwer, gjin geastich opmerker, gjin forneamd gelearde, dizze Rinse Posthumus, mar de jeften fan moedich striden, steech wollen en djip sjen hied er grif. | |
4. Jan Knjilles Piter SalverdaIt libben fan Jan Knjilles Piter Salverda (28 juny 1783-7 maert 1836) is suver fan de widze oan it grêf ta oerskade fan de tsjustere tragyk, dy't safolle dichters út de tiid fan de romantyk bineare en pleage hat. De heit is fan wolsteld boerekomôf; hy wennet op de pleats Salwert by Frjentsjer en trout as âldfeint fan 40 jier mei de faem, gâns jonger en fan hwat geheimsinnige ôfstamming. Dat is in fiks frouminske dy't gjin genedebrea fan de skoanâlden ite wol en dêrom sels as goedfrou de kost fortsjinnet, it lêst yn Boalsert, dêr't de dichter berne wurdt. Hy is ien fan de jongsten, syn heit forstjert as er noch mar seis jier âld is, dat hy wurdt meast fan syn susters opbrocht. As jonge is er earst by de wolkjimmer, mar mei help fan master Teake Doaites - ús al bikend út it Makkumer dichtselskip fan Dirk Lenige - en troch folle opofferjen fan mem en susters slagget er yn 1798 nei Frjentsjer, om dêr op it akadeemje-ynstitút ta skoalmaster to learen; prof. E. Wassenbergh is ien fan syn learmasters en sil him grif oer Gysbert Japiks forteld hawwe. Yn 1803 is er dan ûndermaster yn Boalsert en bytiden ek foarlêzer yn tsjerke. In jier letter sit er as help yn Tsjerkwert, dêr trout er al gau, 21 jier âld, mei de fjouwer jier âldere nicht fan de boppemaster, en in pear jier letter fine wy him yn Wûns, syn earst en lêst fêst plak. Hja binne jit gjin njoggen jier troud of de frou rekket wei; yn njoggen jier forstjerre ek fiif fan de sawn bern. Salverda hat mar in lyts ynkommen en foar it winkeltsje dat er der by hat is er ek net birekkene. Noch gjin jier letter trout er foar de twade kear, mei in skoalmasters- | |
[pagina 99]
| |
dochter dy't tolf jier jonger is en in sloofke. It wurdt in ûngelokkich, in rampsillich houlik: allegearre klearebare earmoed en ellinde, sloffens en smoargens. Yn it bigjin forset hy him tsjin syn lot, mar letter jowt er him dêr forduldich ûnder del. Fan de alve of tolve bern dy't er by syn twade frou kriget, bleauwen mar fiif yn 't libben. Sels kriget er ek hielendal syn gerak net en nei in koarte sykte forstjert er yn in net to biskriuwen ûnhuerens. In ûngelokkige, mar bûten kiif in dichter! Neffens de mannichte, is it mar in bytsje, hwat Salverda skreaun hat. Yn 1824 forskynt it bondeltsje ‘Ytlycke Friesche Rymkes’, sa'n njoggentsjin fersen, dy't yn 1834 ek wer opnommen wurde yn ‘Hiljuwns Uwren’, in hânsum boekje fan in 130 siden, dat op hwat hikkelfersen nei dus al syn wurk bifettet. As J.D. Ankringa der net efteroansitten en meiholpen hie, wie it doe ek grif net ta útjefte kommen. De Gysbert Japiks-hulde fan 1823, de omgong mei de gouverneur fan Fryslân, de Gysbert-kenner Aebinga van Humalda, en mei syn freon en libbensbiskriuwer Joast Halbertsma, binne ljochtpunten yn syn swier bistean, mar foar in ôfgroun fan iensumheit hawwe dy him ek net biwarje kinnen. Hy moat gâns lêzen hawwe, mar as dichter is hy let ryp en net gau tofreden oer syn wurk. Oanienwei hottefilet er op syn fersen om, de sinnen wurde bikoarte en rimpen oaninoarkeppele. ‘Hy wie sa propfol tinzen en hy wie tagelyk sa'n hater fan langwiligens, dat er dy lange keppelwurden oansloech om de stream yn it koartste bistek byien to persjen’, seit dr. Joast, dy't gauris bisocht hat him dizze forkearde Gysbert-neifolging ôf to learen. Ien bondeltsje, mar dochs sjongt hjir in dichter yn ryk forskaet fan toanen. It kin ús bytiden hwat ûnsuver en oerdreaun oankomme, mar by goed lêzen moatte jin yn dit wurk de earlikens en de felle rjochtutens fan syn hertstochtlike utering treffe. Der is hwat fan it pathetyske effekt fan de Hollânske dichters fan syn dagen (Bilderdijk, Helmers, Loots) yn Salverda syn fersen, mar der sit mear wiere dichterlikheit yn; lykop mei de sterke en bisiele rhetoryk giet hjir faek it folle, swiere lûd en de rike, rhythmyske gong, binammen yn de psalmbirimingen. Flot en glêd binne de fersen net, mar op in eigen wize dochs sjongsum en muzikael. Troch it yninoartriuwen fan de wurden yntensivearret er de tael, mar forfoarmet er har bytiden ek sa slim, dat it goed lûdoplêzen gâns oefening freget, sil it net ta tongbrekkerij wurde. Op dit wurk moat men studearje, mar de muoite wurdt dan ek hast altyd rynsk bileanne. Sa op it each seldsume tsjinstellingen lizze der yn dit dichtwurk: de wrâldûntflechtsjende frommens fan ‘Tins fan in Kristen oer de wrâld’ en it idyllyske realisme fan ‘Twa boerefeinten by ien faem’; | |
[pagina 100]
| |
de djippe birêsting fan syn fersen oer de dead, de wylde wanhoop fan ‘Evert, in âlde romance út Skotlân’, en de wysheit fan de fabels. Hy kin him wiidweidich gean litte, mar ek syn tinzen treflik yn koart bistek uterje (Boaskrym oan Idzert en Auckjen; Adams grêfskrift). Yn de oersettingen, meast nei de Dútskers Bürger (‘Lenore’!), Hölty en Kleist, reitsje it fleurige en it mankelike elkoar. Sawol yn it godstsjinstige as yn it mear folksaerdige wurk, binne de romantyske ynfloeden yn elke rigel to fornimmen. Dy't Salverda yn syn krêft sjen wol, moat syn biriming fan psalm 29 (‘Gods greatens yn it onwaer’) mar ris forgelykje mei dy fan Rinse Posthumus. Romantysk is ek Salverda syn hertstochtlik tsjûgenis fan leafde ta it heitelân. Syn leauwe mei hast kosmysk hjitte. Dichtkunst is foar him ek bifrijing en dêrom stribbet er nei it heechste, al sil er it mei syn libben bitelje. Mear as hwat tiidfordriuw en pielderij fan it hjeljounskoft sit efter de ‘Hiljuwns Uwren’: in himsels fortarrende drift, in rjochtsjen oer wrâld en libben, in rikken dat ta himelbistoarmjen wurdt. ‘Sa hab ik jimme in man biskreaun, dêr't forskate utersten him yn forienigen. In man heal fan adellike, heal fan eigenierde ôfkomste, neaken as in sweal, poatteriger as in bidler, en stoarn as in houn. De greatste sloffens en smoargens yn it útwindige, de tsjepste eptichheit yn syn skriuwwurk. In geast, dy de Almacht omfiemt, en dy skrilt foar de teltsjes fan kreamheinsters. De soan fan earmoede en forachting by syn libben, nei syn dea forivige troch syn dichtwurk. Sa, myn freonen, is der harmonij yn de skepping; de útspoarichheit yn it iene moat de útspoarichheit yn it oare meibringe. Gjin fljucht fan forbylding is mûlk sûnder wyldens en gystenens yn de dieden’, seit Joast Halbertsma yn syn oangripend libbensforhael fan de dichter, in masterstik fan persoansbiskriuwing. Yn de 19de ieu is Salverda heech wurdearre. As Harmen Sytstra it oer ‘dy as fryske dichter yet nawt oertroffen Salverda’ hat, ornearret er, dat it soune magen wêze moatte, dy sokke kost flije sil. Colmjon neamt it wurk ‘fan 't echte dichtfjûr fol’ en Waling Dykstra hat it oer masterstikjes, ‘mar dy binne ek al wer fan sa'n aerd, dat it just gjin kost is foar sljocht-wei lju.’ Letter waerd dy achting hwat minder; it tokoart oan harmonij, de wurdepreal en de útwrydskens fan gefoelens, stjitten doe hwat ôf en it like as hie in eardere generaesje har oan grouwélige oerskatting bisûndige. Dr. D. Kalma foun yn dizze poëzij ‘greate taelmacht, mar earmtlike ynhâld’. Bisjoen yn it ramt fan syn tiid - en it in griis achtsjend dat der grif frijhwat fan syn wurk foar ús forlern gien is - moat men lykwols greate earbied foar Salverda syn dichtkunst hawwe, hwant hy wie ‘in master fan ús tael as hast gjin ien. Hwa joech ús sljochte boersk dy krêft? Hwa wist dat heitlâns tael | |
[pagina 101]
| |
dát koe?’, sa't O. Postma dat yn it fers ‘To Wûns’ seit. Hjir is in Fries, hwaens libben en wurk gearraend binne ta in tragyske ienheit, dy't ek de neiteam djip yn it moed taest. | |
5. Inkelde oarenDer sit hwat yn de loft, dat de opbloei fan it Frysk as skriuw- en literatuertael bigunstiget, dy jierren om 1830 hinne. Der forskine hyltyd mear almanakstikjes en folksboekjes, sûnder skriuwersnamme faek of ûnder skûlnamme, mar ek ûnder de bilearde lju rekket it Frysk mear yn de moade. It kin mei dizze skriuwerij jit alle kanten út; in typysk boekje as dat fan Kornelis Harkes Landmeeter (Kees út de Wâldkant) mei Fryske en Hollânske rymstikken fan ‘de skippersfeint’, yn 1840 foar it earst forskynd, mar sûnt op syn minst tsien kear werprinte, biwiist soks klear: it is folkslektuer fan it primityfste soarte. Mar yn deselde snuorje is der ek Broer Okeles (dat is C.E. Bakker), dy't eigen wurk jowt, mar ek ‘Kobus en Agnietje’ út de Hollandsche Spectator fan J.v. Effen forfrysket (‘Ienfaldige Ljeafdescijdnis’). Master Eile v.d. Wal (1805-'60) fan Offenwier skriuwt gelegenheitsfersen, mar set ek wurk oer út it Hollânsk fan Bellamy, H.v. Alphen en Bilderdijk. Ien as ds. Piter Boeles (1795-1875), in Ferwerter dy't nei de Frânske tiid in jiermannich dûmny yn Peinjum is, jowt in fiks part fan it Lukas-evangeelje yn it Frysk en wurdt dêr earst sa'n tritich jier letter yn neifolge fan ds. W. van Borssum Waalkes (Markus-evangeelje) en ds. Joast Halbertsma (Mattheus-evangeelje). De nasionale tins en de nasionale pretinsje fan de Fryske skriftekennisse wurde fan dizzen en oaren faek jit ûnklear sjoen of utere, mar der is in ûntjowing, der is in stribjen nei mear breedheit, der is ûnthjit en libbenskrêft. Njonken de Halbertsma's, Posthumus en Salverda, is der jit in trijetal skriuwers, dat in biskiedener plak freget, mar dat plak dochs mei earnst en eare ynnimt. Hoe't Gysbert Japiks yn it bigjin fan de 19de ieu foar mannichien de ynspirearjende krêft wie, blykt ek út libben en wurk fan Rein Baukes Windsma (1801-'62), in Boalserter lyk as Salverda. In earme folksjonge, skuonmakkersfeint by syn heit, mei gâns nocht oan lêzen en studearjen. Hy trout jong en kriget dan help fan ds. H.W.C.A. Visser to Ysbrechtum, skoalle-opsjenner en frisiast. Ridlik gau hellet er de fjirde, tredde en twade rang en wurdt sa skoalmaster yn Nijlân, Offenwier en sûnt 1829 yn Wolsum. In heukerich bistean, sûnder hokfoar kulturele earmslach. Twa kear troud, de lêste tsien libbensjierren widner, alve bern dêr't er tige oan hong. Alwer in autodidakt, dy't it skriuwen | |
[pagina 102]
| |
net litte kin; alwer in Fries, dy't gâns húslik leed ûnderfynt en der mankelyk en swiersettich fan wurdt, ek al omdat er de tiidskwael fan de romantyk skipe hat, dat er eigen libbensstriid mar min yn in boppe-persoanlik ideael omsette kin. Windsma's wurk (Friesch Blom-koerke, æf: Grijmanck fen ijtlijcke rijmckes, in hette oare kâterye, 1829; Friez'ne blommekrânze, 1833; Bledden uwt mijn Schrieuwboeck, 1847) bislacht net altofolle plak, mar tsjûget dúdlik, lyk as ek syn Hollânske poëzij, fan syn ferstechnysk masterskip. Der is gâns forskaet: minnedichten, godstsjinstige lieten, slachrimen, romances. Hy rikt net sa heech as Salverda en dy syn hertstochtlik fjûr mist er ek, mar yn de goede midsmjitte is er krêftich en geef. De tael is âlderwetsk en stiet fansels tige ûnder ynfloed fan Gysbert Japiks, mar dochs bliuwt hja tichter by de folkstael as de tael fan Posthumus en Salverda. Hy hat wolris in bitiisde gearstalling, mar oer it algemien rinne syn fersen der flot en glêd hinne en nimme hja de lêzer maklik mei. Hy hat inkelde goede koartdichten skreaun en wit ek yn syn koartswilich dichtwurk mjitte en peil to hâlden, al is it gau to fornimmen dat dit soarte tige oan de smaek fan de tiid boun is. Fersen lyk as ‘Sibber’ en ‘Ate’ hawwe in natuerlike lossens dy't jin nou noch oansprekt; greatere histoarjesangen as ‘Greate Pier’ en ‘Sawntjin divels yn in bollepream’ binne bêste staeltsjes fan it romantysk folksdicht, en der binne forskate godstsjinstige fersen, dy't in weardige utering jowe oan in djip-earnstich fielen (‘It folmakke gebet’ byg.) en dy't sjen litte dat Windsma yn dregens en ienfâld en mei gjin lytse taelmacht hwat eigens bringe koe. In figuer fan oar slach is Wopke de Jong Japikssoan (1799-1852), in Grouster timmermanssoan dy't skoalmaster wurdt yn Ysbrechtum (ynfloed fan ds. H.W.C.A. Visser!), Drachten en sûnt 1826 to Sint Japik. In kleare kop, kundich yn talen (binammen Latyn), oargelspyljen en tekenjen, en op-en-út in man fan de forljochting. Yn almanakken en jierboekjes hat er frijhwat stikken skreaun, meast fan koartswilich soarte; syn rymfortellingen binne smout-rhetorysk, yn de trant fan de Hollanners Tollens en Bogaers. It fers ‘Merten Skroar fan Earne-wâld’ is fan âlds forneamd om syn folkshumor en goede foarmbihears-king. Fan bitsjutting is De Jong ek troch syn forfryskingen fan stikken út it Latyn fan Horatius en Ovidius en fan in Hollânsk fers fan G.T.N. Suringar oer Jancko Douwama. Ek yn it Hollânsk en Latyn liet er syn rympinne gean. Gâns opskuor wekkermakke hat syn boekje ‘De Dominijs hifke, mar follen te ligt achte’ (1840), in skerp, feninich en stikelich spotskrift op de dûmny's, dy't der min oer to sprekken wiene; it wie anonym útjown en waerd al gau yn it Hollânsk fortaeld. Yn dit boekje komt klear ien fan de meast sprekkende eigenskippen fan | |
[pagina 103]
| |
de Fryske skriftekennisse fan de 19de ieu út: de tiidskrityk, it antiklerikalisme, it brûken fan it Frysk as middel ta foarútstribjende, aktuele en faek opstannige utering. Jan Gelinde van Blom (1796-1871), Harnser fan komôf, lange jierren notaris yn Drachten, in foaroansteand man yn Fryslân en net frjemd oan de Genoatskipsrounten, hie al ier it pleit foar de mooglikheit fan Fryske literatuer levere (‘Proeve van het harmonische in de Friesche dichtkunst’, 1840). Syn eigen wurk hat er sammele yn ‘Blomme-koerke, oanbean oan zijn lanzljue’ (1869). Der is frijhwat ûnbitsjuttend wurk by, mar de muoite wurdich binne forskate aerdige folkssangen, dy't troch it ‘Frysk Lieteboek’ fan 1876 ek ûnder it folk brocht binne: De Reedrider, Ynskje en Oark, It Froalike Famke, en party oare stikken wurde hjoeddedei jit songen. In opmerklik fers, fanwegen de revolúsjonaire tins dy't der satirysk yn forarbeide is, is ‘De Broedbij’. Ek by Van Blom is it biwiis to finen, dat de Fryske skriuwerij fan dy tiid útsprutsen liberael wie. | |
Neisjen:Oer de Halbertsma's: Libbensbiskriuwingen yn de Bodders fan dr. G.A. Wumkes en yn de forskillende printingen fan de Rimen en Teltsjes. Fierder: dr. Chr. Kroes-Ligtenberg, Joost en Eeltje Halbertsma in Bolsward (1952). Oer Joast Hiddes Halbertsma: dissertaesje fan P.A. Jongsma, (1933); inaugurele rede dr. J.H. Brouwer oer J.H.H. as taelkundige (1941); S.J.v.d. Molen oer J.H.H. as folkskundige (Volkskunde, jg. 1948). Oer Eeltsje Hiddes Halbertsma: W. Eekhoff yn De Jonkerboer, (1858); dissertaesje fan G. Dykstra, (1946). As taljochting by de tael en de kultuerhistoaryske eftergroun fan de R. en T. is fral oan to rieden: W.P. de Vries, De Lapekoer fen Gabe Skroar trochskodde, (1895). Oer R. Posthumus: dr. J.H. Halbertsma yn De Vrije Fries, IX, 207-269, (foar it forstean fan beide freonen fan great bilang); fierders: dr. G.A. Wumkes, Worp van Peyma en zijn vrienden, De Vrije Fries, XXII; deselde, Paden fen Fryslân, II, (sjoch dêr register). Oer J.K.P. Salverda: R.W. Canne yn Fryslân, jg. 1918 (dêr ek Joast Halbertsma syn taspraek); oer syn famylje, R.S. Roarda yn It Beaken, XII, 1950, s. 52-61, 95. Oer R. Windsma: G. Colmjon yn Forjit my net, 1884; J.J. Hornstra Gsn. yn Fryslân, jg. 1928, s. 49. Oer W. de Jong: F. Buitenrust Hettema, De Friesche Volksalmanak, 1889; Hornstra, Fryslân, 1928, s. 2.; dr. G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân II, s. 121-128. Oer J.G. van Blom: Hornstra yn Fryslân, 1928, s. 17. Yn it algemien oer dit tiidrek: E.B. Folkertsma, Nei Trettjindehealjier, De Holder, I, II, (1926-'27); J. Piebenga, Rondom, s. 80-91, yn Twee Eeuwen Leeuwarder Courant (1952); deselde, Fryske tragyk, (Frisia, 1936; ek apart útjown). |
|